| |
| |
| |
Sechsde stien
De karre fearret by de sechsde stien optein noch fierder omheech. Strak dûnset it ding wer gelokkich achter de auto oan. Hoe't ik der dan by hingje, de kommende dagen sil myn wurge liif my noch wol te pakken nimme.
De ûnderkant fan it basalt byt my yn 'e hannen. Der sit in skerpe richel op it plak dêr't myn segelring achter de râne heakket. De sydkanten binne ek ûnegaal, boppedat liket de stien op it earste each mar fiif kanten te hawwen. As ik better sjoch, fyn ik de sechsde. Sa út en troch dûkt er omheech tusken de ploaien fan de swarte rok, drinkeling yn in see fan hite lava. Doe't de siedende stream ôfkuolle en bestjurre, besocht er noch in gaadlik plakje op de pylders fan basalt te finen, mar hy wie te let.
Dêryn liket er op my, Jacob Nauta is de namme. Ik tûmele mei yn in tiid dêr't ik net yn paste, tusken minsken dy't ik miende te kennen, mar dy't by einsluten as frjemden wiene. Stelde ik de fragen te let, skatte ik de toanhichte ferkeard yn, sloech myn hert bûten de maat? Mei beferzen gesichten sjogge myn foarâlden my oan, as fisken yn it iis. Sy witte wat se witte en hâlde de wierheid achter de rêch.
‘Yn hokker hân ha 'k de sint? Ast it witst, dan meist him hâlde!’
Pake seach my ôfwachtsjend oan, myn wiffe eagen besochten it ferbân tusken sint en de goede hân fêst te stellen, mar fûnen neat. De spanning jage it bloed troch de ieren, ik hold der net fan te rieden, ik moast dat al sa faak. Ik stelde it antwurd út, besocht de wierheid te finen yn pake syn eagen. Ik koe mar net gewaarwurde hoe't ik der achter komme moast wêr't it muntsje bedarre wie. Ik betocht dat as ik keas foar de rjochterhân, pake him likegoed trochjaan koe oan de linker, ik koe it dochs net sjen.
| |
| |
Soe dizze stien de antwurden witte? Miskien moat ik sykje oan de binnenkant, ferrane mei it basalt, swalkje troch tsjustere gongen. De gedachte is dwaas, mar ha 'k net altyd in foarleafde hân foar de achterkant fan dingen? Ik wol witte wat der fierderop is, ik sykje krekt salang troch oant ik wit wat ik witte wol.
De antwurden op myn fragen falle ôf. Achter de ears te kym leit in twadde, de iene berch sko ik oan 'e kant en dêr sjoch ik de folgjende alwer, heger noch, ik moat fierder. Ik jachtsje troch, as LeviStrauss, dy't trochdraafde, al wie de hazze yn gjin fjilden of wegen te bekennen. Yn it binnenste fan de stien lizze de antwurden, ik bin der wis fan en fiel dat it net lang mear duorret foar't ik bin wêr't ik wêze wol. Mei sykjende fingers fei ik foarsichtich it kâlde swit fan de muorren ôf. Ik folgje de groeden yn it swarte basalt, krekt sa't ik dat die doe't ik oan de westkant fan de pleats fan pake gers en túch út it grint wjudzje moast. Yn 'e muorre fûn ik in pear skuorren, dy't my fan de grûn ôf nei de ûnderkant fan it hynsterút laten. Ik begriep hoe't it kaam dat der altyd in pear rútsjes stikken wiene, wêrom't pake stikjes karton brûkte om derfoar te soargjen dat it hynder net fuort siigde.
Ynienen wit ik wat ik fine sil, hjir yn de tsjustere holten fan de sechsde stien. It sille letters wêze, mar myn eagen sille se net lêze kinne. Ik moat taaste, as in bline dy't troch de stêd skeuvelet en de tekens by elkoar optelt. Dan kin ik de wurden foarmje, de sinnen dy't de antwurden op myn fragen útmeitsje.
Ik lis de stien by de oaren. Seis lizze teplak, noch ien te gean.
| |
Ien
Dûmny wenne yn in hûs oan 'e grêft neist de tsjerke dêr't God it alderleafste tahold. Fansels mocht de pastorije net grutter as de tsjerke wêze en de tsjerke lytser as de himel, mar in soad skeelde it net. Nei de earste tút op it Bolwurk wie it iis brutsen, ik woe
| |
| |
der noch wol in pear. Evelyn hie fan dy sêfte lippen.
‘Moatst der mar ris op sûge, dat is lékker jong,’ smûge Harm.
‘En dan mei de tonge yn har mûle, dát is nóch lekkerder’ jûchheide Ale. Wyld sloech er mei syn earmen om him hinne, fan de alteraasje ljepte er mei grutte stappen fiif meter by ús wei.
‘Gljèk, dat liket my...’
‘Néé jonge, echt wier, ik liich it net...’
Mei ôfgrizen seach ik him oan. Wie dát no Harm, deselde Harm fan alle tiden yn it ferline, dêr't ik mei boarte sûnt ik de skonken ûnder it gat hie, dy't ik út 'e pinne koe, better as alle oaren by elkoar? Ik koe amper begripe dat hy mei Pytsje Pot sokke goare dingen útheefde. Ik seach it al foar my: Pytsje rûngear - Harm wie wat lytser as sy - dan beide de mûle iepen om op elkoars tonge te sûgen, harrejarre yn de gloaria! En dan ek noch Pytsje Pot, dat fanke stonk in oere yn 'e wyn mei dy grutte tosken fan har.
Dochs... Doe't it ferstân al dy wylde gedachten delbêde, feroare der wat. In soad jonges hiene it deroer, de kâns bestie fansels dat it echt lekker wie. Yn dat gefal soe ik dus wat misse en dat wie ek spul fan neat. Jacob Nauta moast op it lêst al in bytsje meiprate kinne. Ik naam my foar dat as ik mei Evelyn tute, dan soe ik ris foarsichtich mei de tonge tsjin har lippen triuwe. Miskien snapte se wat de bedoeling wie, it griisde my oan derom te freegjen.
De pastorije seach der net al te freonlik út. De doar wie heger as dy fan ús, mei sa'n opstapstoepe derfoar en in stek oan beide kanten, oars dondere de tsjerkeried derôf. Yn de doar sieten twa ruten achter in ramt fan jitizer, út 'e midden wei gniisden twa liuwekoppen my út. Gelokkich hoegde ik fan Evelyn net by de stoepe op, de pastorije hie ek noch in achterom oan 'e kant fan it Bolwurk. Se luts my by de liuwekûle wei it tegelpaad oan 'e sydkant op.
‘Kom, hierlangs...,’ ik hie net it gefoel dat Jacob Nauta it hjoed foar it sizzen hie.
| |
| |
‘Zullen we bij ons thuis spelen?’
Al fier foar skoaltiid hie se dy fraach steld, mar it wie - sa neamden wy dy manier fan freegjen - in fraach op syn Akkermans, want hy wie de útfiner. Master koe dat nammentlik hiel goed, sa fan: ‘En zullen we dan nu maar beginnen?’ It heucht my net dat der oait ien west hat dy't de moed hie te wegerjen.
Evelyn skuorde it paad mei sa'n faasje ûnder my troch, dat myn skonken sawat yn in spagaat sloegen. Heal fallend sylde ik foar de ruten lâns, it hold wat yn ferkearing te hawwen. Twa tellen letter stiene myn klompen foar de doar en wy yn in keukentsje. It wie der deastil, de lûden fan de stêd leine bedobbe achter de hege muorren fan it hûs.
‘Kom, we gaan naar de kamer...’
De gong wie noch grutter as dy fan ús. Op sokken glystere ik oer de swarte tegels op ien fan de fiif doarren ta. Foar't ik der erch yn hie, stie ik yn 'e keamer.
‘Zo, dus jij bent Jacob...,’ sei in stim.
En dêr stie er dan: Jacob Nauta yn syn kreaasje as in Freon fan de Faam. Mei syn lege kop en de mûle yn 't kier wist er noch krekt in pear wurdsjes nei bûten ta te skowen: ‘Ja, mevrouw...’
Grutsk seach Evelyn my fansiden oan, dat hie 'k moai sein. Har mem siet oan 'e tafel achter in kopke tee en se kaam oerein om mei my yn 'e kunde te kommen. Se wie like grut as ik, of better sein, ik wie like grut as sy, want sa seach ik sokke dingen yn dy tiid. No koe ik ek har jurk sjen, se hie har sneinske klean oan. Even tocht ik dat se dy oan hie om't ík op besite kaam, mar dat soe wol net. Ik betocht dat it foar de frou fan in dûmny miskien alle dagen snein wie, ik naam my foar Evelyn dernei te freegjen. Oan 'e muorre hong in ûnbidige klok mei in stadige tik dy't yn de - tak - hieltyd mear - tik - opfallende en dêrtroch pynlike - tak - stilte - tik - goed te hearren wie.
‘Ik ben dus mevrouw Schaap, de moeder van Evelyn...,’ sei se doe't se mei my fûstke.
| |
| |
‘...En ik ben de feint van Evelyn...’
Ferstuivere seach se my oan, doe begûn se te laitsjen. Ik begriep dat ik wat stoms sein hie, wêrom wegeren myn ferflokte harsens yn sokke situaasjes in fatsoenlik antwurd oan myn stimbannen troch te jaan? Myn iennichste treast wie dat Evelyn it ek grappich fûn.
‘Willen jullie hier thee of in de speelkamer?’
De speelkamer! Dat hie ik net, want ik boarte oeral dêr't ik boartsje woe. Op 'e nij glied ik troch de gong, wer troch in oare doar. Wy mochten net te lûd, want neist de boarterskeamer siet dûmny te wurkjen. Fan boartsjen kaam net al te folle en Evelyn snapte ek bêst dat ik net by har kaam om har poppen. Oan de oare kant, foar in tút mei de tonge like dit ek net it gaadlikste plak. Gelokkich hie se in kast fol mei boeken, sa woe de tiid ek wol opsjitte.
Foar't ik it wist, mocht ik op hûs oan. Ferromme stapte ik de gong op, tagelyk mei dûmny, it wie krekt of hie er derop wachte. Yn 't foarbygean seach er my oan.
‘Dag,’ sei er en doe rûn er troch nei de keamersdoar. Hy wie al hast opslokt doe't er him ynienen omdraaide.
‘Ach, díe Jacob... Ben jij niet die jongen van broeder Nauta?’
It klonk as in ferwyt, mar koe ik it helpe dat broeder Nauta myn heit wie?
‘Ja, dominee...’
Hy skodholle syn sloppe wangpûden as twa triljebiljende puddinkjes en sleat de muorre achter him. Rare man, tocht ik noch. Sizze die ik dy wurden fansels net, der wiene no ienkear dingen dy't je better binnen it tinken hâlde koene. Dochs bleaune dûmny syn wurden my yn 'e holle hingjen, it hûs begûn my te benearen. By de achterdoar joech ik Evelyn fluch in tútsje, ik woe hjirwei. As frij man draafde ik oer it sydpaad, de liuwen yn 'e foardoar seagen my moardsuchtich nei.
| |
| |
| |
Twa
Op in snein fielde ik my net goed. It wie yn 'e sliep al begûn, doe't ik wekker waard wie it der noch.
‘Wat sjocht er bleek om it snútsje,’ ‘in simmergrypke’ en ‘ûnder de wol, mantsje’ wiene de útspraken dy't de wei nei tsjerke tichtsetten.
‘Kin er wol allinnich thúsbliuwe?’ taksearre beppe de situaasje.
‘Gel is ommers ek wol thús...,’ fûn heit.
‘Mar dy leit noch op 'e koai!’ nokkere pake út syn sneinske pak wei. Mei de tekken om de skouders stie ik dêr te rydboskjen, yn ôfwachting fan it fonnis. Der waard besletten de pleats oan my ta te betrouwen. As der wat wie, moast ik mar nei muoike - se gie komselden nei tsjerke - ta gean, mar allinnich as it slim like. Myn holle knikte súntsjes fan ja, ik fûn alles bêst, sa siik wie ik no ek wer net.
De maharadja Jacob Nauta paradearre de trep op nei syn sliepfertrek op east. Hy soe him deljaan mei syn plakskrift en syn postsegels ris goed besjen, want prachtige dingen moasten geregeldwei bewûndere wurde, oars gie it moaie derôf. Mem seach noch even om 'e hoeke fan 'e doar om te freegjen oft ik my sa wol rêde koe.
‘Moatst ek noch wat drinke?’ frege se, mar heit stie al yn 'e gong te roppen.
‘Komst hast, wy binne al let...’
Der klapten in pear doarren en it waard stil. Muoike en ik holden de wacht, sy op west, ik op east, in wif lykwicht op samar in simmersnein. Allinnich it omslaan fan de siden yn it skrift wie noch te hearren, fierder neat.
Ik dreau fuort yn de wrâld fan myn kostbere postsegels, ik waard der hielendal yn wei. Myn sike geast liet my omdoarmje troch fiere bûtenlannen. Ik besocht tsjerken, âlde stêden, keuvele mei king George op de segels fan Gibraltar en keizer Augustus op dy fan Itaalje. In koartsige dream sette my op in wyt hyn- | |
| |
der dat sûnder lûd te meitsjen, troch Europa fjouwere. Ik switte sa, de klean plakten my oan it liif. Ik hoegde net te stjoeren, it bist like it paad te witten, it draafde op it suden oan. Dêr wiene wy al op kaart twaentweintich fan de ‘Schoolatlas der geheele aarde’, wy stoden oer it plein foar de katedraal fan Reims, de tsjerkegongers sprongen wyld oan 'e kant. De wite moannen sloegen my yn 't gesicht, doe't wy nei in oanrin fan hûnderten kilometers oer de Pyreneeën sprongen. Midden yn España Correos op kaart achtentweintich stie in soldaat op wacht. Hy swaaide mei in flagge, de loft stie yn 'e brân en wie gielread, ik mocht net fierder. Generaal Franco lake doe't ik dochs gong sette, te let seach ik dat er in soarte fan gewear yn 'e hân hie. Bang dûkte ik fuort, sloech de earmen om 'e nekke fan it wite hynder. De loop kaam stadich omheech, krekt salang oant ik der rjocht yn opsjen koe.
Doe pas seach ik dat it gewear gjin gat foar de kûgel hie, ik knypte de eagen ta en it wapen feroare opslach yn in kuierstôk. De generaal, earst noch sa lyts, begûn te groeien, heech stuts er boppe my út. Wêr kaam dy hoed ynienen wei, hoe kaam it dat syn unifoarm feroare yn in swart pak?
‘Swsj,’ sei de stôk en ik foel fan it hynder.
Ik rôle fuort, om en om en om, mar it joech allegear neat, hielendal neat. Ik lei op 'e rêch en besocht oerein te kommen, mar de wylde eagen fan de wreed gnizende direkteur drukten my werom yn it brânende sân. De stôk skeat de loft yn foar in deadlike slach, it skrille laitsjen teskuorde de wolken...
Ynienen wie ik wekker. Wyld bûnze it hert yn 'e finzenis fan myn ribbekast, de muorren draaiden om myn eagen hinne. It dweiltrochwiete lekken plakte om de kontoeren fan myn lichem, it postsegelskrift lei foar it bêd op de flier. It duorre even foar't ik wist wêr't ik wie. De fertroude snein sakke krekt ferromme it sliepkeammerke yn, doe't ik it wer hearde. Flak by my en dochs fier fuort hearde ik immen laitsjen. It klonk my sa bekend yn 'e earen, mar pas doe't ik it wer hearde, wist ik it. It wie de echo fan
| |
| |
mysels, lûd fan myn lûd, stim fan myn stim, trochjûn doe't se op west foar de spegel siet.
‘Hgahgáhga!’
Wer lake se, skriller ditkear, it aksint skeat fan skrik fan it earste wurdlid ôf en sprong oer nei it twadde. Yn gedachten seach ik har sitten op 'e râne fan it bêd oan de oare kant fan de brânmuorre. Muoike moast wol yn it flokhok wêze, oars koe ik har noait sa dúdlik hearre, dat bestie gewoan net. Hie se in brief dy't net langer wachtsje koe en hat se him doe sels mar brocht? Ik koe it my eins net foarstelle, sa maklik wie it net achter de kast fan omke Geart te kommen, it wie in hiel gewraksel en se wie altyd sa kreas mei de klean. Dêrby kaam, it wie snein, soe se har moaie klean oan sa'n aventoer bleatstelle? Ik seach har al yn 'e bocht op it klompehok lizzen om dan op knibbels de heagong ûnder de ruterstokken yn te krûpen.
‘Hgáhgahga!’
Se wie der, gjin twifel mooglik. Muoike wist fan gjin ophâlden, wylder en wylder gie it derom wei. No hearde ik Job ek, earst fleurich, laitsjend, doe earnstiger. Mei gjin mooglikheid koe ik ferstean wat er sei.
It waard stil. Myn binnenear troaide my nei de brânmuorre ta, de hearlike kjeld fan de stien streamde oer it koartsige wang. Muoike suchte, flaaike en doe wist ik - of makke ik mysels mar wat wiis? - wat se dêr útheefde!
‘Witte jim wa't in geile mokkel is? Jim muoike Gel!’
Samar sieten dy wurden my yn 'e kop, ik hearde it Sjoerd nóch sizzen, op dy middei yn it hok. Doe wist ik net wat ‘geil’ wie, mar ûnderwilens hiene de jonges op skoalle my bypraat. Alhiel ferstuivere fan de gedachte allinnich al liet ik my op de flier sakje. Dat koe dochs net, dat hearde net sa! Wie it net snein? De stilte yn it flokhok wie net mear te fernearen, myn tamtearre binnenear hold it net mear en sleepte my werom nei it bêd ta. Ik krûpte safier mooglik ûnder it klamme lekken fuort en stuts in stikmannich fingers yn 'e earen. It helle net folle út, de stilte bruts en it
| |
| |
hearde krekt of hiene se spul. Muoike gûlde, raasde, mar sa hie 'k har noch noait heard. Job bêde har del en doe't dat net slagge waard er lilk.
Ik begûn mei te gûlen. In rivier fan triennen spatte my ferheftich út 'e eagen wei, de lippen frearen ticht om it lûd te smoaren. Alle minsken wiene gek wurden, sa like it wol, der wie net ien oerbleaun dêr't ik noch op oan koe. Poer allinnich tearde ik mysels ticht, luts de skonken nei it boarst en sloech de earmen om myn knibbels. Sa út en troch stompte der ien tsjin it houten sket oan en it âlde ledikant kreake mei. De situaasje ferbettere doe't ik mei de fingers yn heech tempo it hearren iepen-ticht-iepen-ticht-iepen-tichtdie. Under de les diene wy dat ek fakernôch, i-he-rde-s-grap-ch as je dat diene. No seach ik de humor der net fan yn, it wie bittere needsaak. In hiel skoft lei ik dêr sa mei de lûden fan dy snein te flipflappen, wist ik hoe lang dit noch duorje koe? ‘Ofbreidzje!’ sifele beppe tusken de tosken troch as de preek har te lang duorre, mar dat koe ik yn dit gefal net dwaan.
De preek! Och, ik wie it hielendal fergetten, de oaren soene hast wol thúskomme, it koe noait lang mear duorje. Dy gedachte stelde my gerêst, de panyk saksearre. Ik hie grif in healoere sliept, dêrnei siet ik in skoftke op 'e grûn, doe lei ik te earkeflappen op bêd. Sa kaam ik aardich yn 'e buert fan in oere en tocht ik mysels út it doalhôf wei. It wie net nedich. Wylst ik dat allegear lei te beprakkesearjen, waard it stil. Even letter hearde ik de doar fan it klompehok, doe de gongsdoar en alles wie wer sa't it hearde.
Mar wie der werklik neat feroare of bleau alles tenei oars? Ik naam mysels foar ûntslach te nimmen as postrinder, muoike brocht har brieven sels mar. Ik ferhipte it noch langer my de broek iepenteare te litten. En hoe soe it wêze Job ûnder eagen te kommen? Myn lilkens boaze oan, tongerkoppen drigen boppe de kym. Ik moast tinke oan De Stiennen Man op de seedyk ûnder Harns. In man mei twa gesichten, sprekend Job. Ik betocht dat it ek noch slimmer wêze koe, miskien hie er wol trije. Ik wist
| |
| |
ommers noch altyd net fan wa't de brieven op it begraafplak wiene. Nee, ik woe Job net mear sjen, alles soe tenei oars bliuwe.
| |
Trije
It simmergrypke - ik ken gjin sykte mei in ûnskuldiger namme - hie my dy wike raar te pakken. Dweil fan it kâlde swit fear ik troch it sompige bêd. Dwilige gedachten waarden ôfwiksele mei heldere mominten. Yn beide gefallen spoeke de ôfrûne snein my troch de kop en it wie mar goed dat ik muoike net ûnder eagen hoegde te kommen. Stom wie se net, wat sil se kjel wurden wêze doe't se hearde dat ik ûnder tsjerketiid op har feilige kust lei, oanspield op de koartsige switweagen fan it wite lekken. Foar Job wie it ek in saaie wike, sa sûnder postrinder en kanonsjonger Jacob Nauta. Ik hearde him wol oan 'e oare kant fan de brânmuorre as er de stoel fersette of him omdraaide op it smelle ienpersoansbêd dat blykber dochs rommer wie as dat ik miende.
Hy soe noch raar opsjen as ik wer opknapte. Ik wie net fan doel wer nei him ta te gean en ek muoike koe lang op my wachtsje, se koe om my de pôt op. Lilkens wâle omheech, wêrom wie ik altyd sa stom. Bûten wiene de manlju drok yn 't spier, de simmer tripke fan de iene dei nei de oare. De twadde sneed waard ynhelle en ik wie der net, alles gie oan my foarby. Sa út en troch seach der ris ien om 'e hoeke fan de doar. Sels heit kaam noch even del, hy hie it te drok om lang te bliuwen. Mar goed ek, wy wisten dochs beide net wat wy sizze moasten.
‘Hoe giet it?’
‘...Goed...’
‘Moai sa, mar gau wer better wurde, wy kinne dy wol brûke...’
‘Ja...’
‘...No, ik moat mar wer, hoi...’
Allinnich muoike fertoande har net, mar dat die my gjin nij.
De woansdeis kaam ik der foar it earst wer út. Bleek en net al
| |
| |
te stevich op 'e skonken stapte ik by de trep del, in trui om it meagere liif, mem achter my oan. Op bêd fielde ik my oars bêst, mar no foel it raar ôf, it draaide my foar de eagen. De earste dy't ik op 'e gong tsjin it liif rûn, wie muoike Gel. Ik seach har yn trijefâld, op 'e kop en oerein, de earmen op it plak fan de skonken en oarsom. Har mûlen seine neat, har mearfâldich liif rûn my sa foarby nei har keamer ta en it makke my neat. Ik hie it wol hân, it simmergrypke hie my royaal de tiid jûn mei har ôf te weven.
Ferromme siet ik yn 'e gewoane keamer. It wie krekt of wenne ik hjir foar it earst. It ljocht wie skerper, de meubels ûnbekend, beppe liek âlder as ferline wike en ik frege my ôf hoe't it koe dat alles oars wie. Of ík wie feroare, noch in mooglikheid. Yn alle gefallen wie der net folle mear fan my oer. Ik beseach myn fine hannen mei nije eagen en telde de ierkes ûnder it bleke fel.
‘Soa, do hast bêst op 'e hûd hân!’
Beppe keurde myn smelle earmkes, tilde se op en liet se wer op 'e tafel falle.
‘Dêr moatte wy mar gau wat oan dwaan, hast ek sin oan wat?’
Sa sei se dat altyd, want fan honger mochten wy net prate.
‘Yn fiere lannen hawwe se honger, wy witte net wat dat is,’ sei se dan. En se hie gelyk, sa't se dat hast altyd hie. Se sette my in pantsje mei twa stikjes bôle foar de noas en ik moast ite, der moast ‘wer wat fleis oan 'e bonkjes’ en wat wie mem it mei har iens. In oerke letter lei ik al wer op bêd, langer koe ik de goede fersoarging fan de froulju net ferneare.
Op 'e gong kaam ik muoike wer tsjin. Se hie grif op my wachte, ik wie net ûnnoazel. No sei se wol wat, mem wie der net by.
‘Soa,’ sei se, ‘wer wat opknapt?’
Ik knikte - elk wurd wie tefolle - en ik woe trochrinne.
‘Wolst even meikomme?’
Se wiisde nei har keamersdoar en die al in stap yn de goede rjochting. Ik skodholle.
‘Ik bin siik...’
‘It duorret net lang, ik wol even mei dy prate...’
| |
| |
‘Nee,’ die myn mûle har fraach ôf. Ik draaide my hastich om en makke dat ik by de trepsdoar kaam, fral ek om't der frjemd genôch in pear triennen oer myn ynfallen wangen rûgelen. Dat hoegde se net te sjen en sa fluch as ik koe, klattere ik by de trep op. Ik hearde hoe't se my achternei kaam, de treden kreaken achter myn fuotten.
‘Toe Jappe, even mar...,’ hime har stim ûnder myn fuotten wei troch it trepsgat hinne nei boppen ta.
Jappe, sa neamde se my! Wat hie pake syn namme mei dy fan my te krijen? Raar fûn ik it, hiel raar. Ik wie Jacob, of mocht ik soms net mear hjitte sa't ik hiet? Ik hie siik west en der wie al sa'n bytsje fan my oer, no waard myn namme ek noch ôfpakt.
‘Ik bin Jacob!’
‘Goed, goed, Jacob dan, mar wolst even prate?’
‘Nee!’ gûlden myn stimbantsjes mei in ferfoarme lûd. Ik luts de doar achter myn kâlde rêch richt en steech tilde ik de kruk fan myn kant omheech, wylst muoike oan 'e oare kant besocht de doar iepen te krijen. Sa stiene wy in pear tellen elk mei ús eigen kruk te wrakseljen, krekt salang oant muoike belies joech.
‘...Even mar...,’ hearde ik har sizzen.
Gûlde se? It liek hast wol sa, yn de wurden sieten letters dy't der net yn thús hearden. Ynienen begrutte it my, se frege har fraach sa súntsjes en ik tearde de doar iepen. Se stie al wer yn it trepsgat, de rêch nei my ta. Doe't se hearde dat de doar achter har iepengie, bleau se stean.
‘...It is allegear net sa maklik, Jacob, ...net sa maklik... Earst reitsje ik Harrie kwyt, en no mei Job... Silst wol tinke, wat in rare muoike, mar ik kin der neat oan dwaan... Wier net, ik kin der neat oan dwaan...’
Guon wurden brutsen yn stikjes út elkoar, oaren bleaune hiel. Ik begriep wat se sei en snapte der neat fan. Ik wist ek net oft ik wat sizze moast, ik koe de wurden trouwens ek net fine. Dy hiene, doe't muoike by de trep op stode, makke dat se fuort kamen.
‘...Ik wit net... Ik wit net watst hea-heard hast... Hie 'k it
| |
| |
w-witten, dan... It spyt my sa... En Job ek, echt wier, Job ek! Hast ek wat sein tsjin de oaren?’
‘Nee...’
‘Goed, dat is goed fan dy... Mei ik dy freegje it stil te h-hâlden?’
It siet yn de famylje. Earst omke Geart, no muoike wer. Altyd moast ik alles stil hâlde, ik koe der wol gek fan wurde, sa stadichoan. Mar ik die it sels, it hoegde net. Ik koe likegoed nei mem ta gean, of nei beppe ta en gewoan sizze wat der allegear barde sûnder dat sy derfan wisten. Mar hoe moast ik dat oanpakke? Ik seach mysels al sitten. Under it iten, tusken twa happen troch, sei ik dan soks as: ‘...O ja, witte jim wol dat muoike ûnder tsjerketiid by Job yn it flokhok sit?’
De gedachte allinnich al, ik...
‘Jacob?’
Wer sei ik neat, al streamde de moederaasje oer de rânen fan myn hert hinne.
‘Asjeblyft?’
‘Goed...’
Noch krekt koe se my betankje. Har lêste wurden waarden fynknypt tusken de doar en it kezyn en ik betocht dat wy eins net echt praat hiene. Ik sei ommers mar in pear warden.
| |
Fjouwer
Wy hiene in hânkarre dy't yn alle silen mak wie. De iene kear tôge it ding amers mei in pânse en oar slachtôffal foar LeviStrauss, de oare kear âld izer nei it rustige izerfjild fan Sibbele Blikje. It lestige wie dat it tsjil oan de rjochterkant wat oanrûn. Der siet yn 'e as in lyts slachje, te lyts om der wat oan te dwaan. Lestich, want ik wie eins krekt net sterk genôch om der lang mei te riden. Boppedat pipe dat tsjil by elke slach mei sa'n ferfelend heech toantsje, je koene der wol gek fan wurde.
| |
| |
Pake fertelde dat it eins in hûnekarre wie en hy wiisde my de bouten dêr't de bisten oan fêst sieten. Yn it hok hongen noch wol beagen, mar se waarden net mear brûkt, it lear wie útdroege en siet fol mei barsten. Op in âlde foto stie heit - in stik jonger fansels - mei skieppetsiis, dy't er útsutele yn 'e arbeiderswiken fan de stêd. Lykwols, ien fan de hûnen wie deagien en de oare wie ynein, dat de karre moast fierder sûnder de ekstra oandriuwing dêr't er sa oan wend wie.
No't wy dochs wer hûnen op 'e pleats hiene, like it pake wol wat LeviStrauss ûnder de karre te setten. Skieppetsiis waard der altyd noch makke, dat wie mem har fêste taak. As it komelken dien wie, dreau heit de skiep by elkoar yn de daam oan de westkant fan de pleats. Elk bist hie in toutsje om 'e nekke, dat it wie net in al te grutte toer en fang de hiele brot. Dwars oer de lingte fan de hikke siet in oar stik tou en dêr waard de hiele keppel dan oan fêstbûn. Heit die dan fierder syn eigen dingen, wylst mem de skiep molk. Dat wie noch in hiele keunst, want skiep wiene ek doe al behoarlik dom, yn alle gefallen dommer as mem. Dat sei pake teminsten en hy frege my faort wêrom't dat sa wie. Ik wist it net, hoe't ik der ek oer neitocht.
‘Sil ik it dy sizze of hast al wat betocht?’
Mar ik wist gjin antwurd en boppedat soe it wol in grapke wêze.
‘As skiep tûker as jim mem wiene, hiene se hár wol molken, of net Jits?’
Hy lake him slop en klapte yn 'e hannen, sa'n wille hie er. Der wie gjin spjelde tusken te krijen, it wie in grapke dat ik ûnthâlde moast foar Harm, dy wist grif it antwurd net. Mem fûn it mar healwiis praat fan pake, mar dat makke him neat. As ik it mar moai fûn, dan wie alles bêst. Ik begûn te gnizen.
‘Snapst him no al?’ skattere pake. Ik sei mar neat. Yn gedachten seach ik it hiele taferiel al foar my mei allegear froulju oan 'e hikke en in skiep, dat der mei de amer by del gie.
Mem molk de bisten - wy hiene der seis - fan achteren, want
| |
| |
dat wie it handichst. Ik fûn fan net, in ko moasten je ek fan 'e side ôf melke, wêrom moast it mei in skiep oars? Boppedat skieten dy bisten geregeldwei yn 'e amer, wat ik mar fiis fûn. Mem seach der net oars om. Mei de fingers as seef filtere se de loarten út 'e molke wei en mikte se oer 't skouder. Ien kear stie ik achter har en krige ik de folle laach.
‘Ho...,’ lake mem, ‘noait achter my stean as ik de skiep melk...’
Dat hie ik sels al begrepen.
‘Mei ik ek in kear?’ frege ik. Mem kaam oerein en skode de tuolle nei my ta.
‘Súkses dermei!’
Ik naam it bûtenste skiep, prakkesearre der net oer oan de achterkant te sitten. Fan 'e sydkant ôf besocht ik it jaarke te finen, mar dat foel wakker ôf.
‘Wat dochst no?’
‘Ik sykje de oeren...’
Mem lake en beppe, dy't in noas foar ditsoarte fan akkefytsjes hie, hong oer de hikke mei te gnizen.
‘Lis him mar op 'e rêch,’ besocht se my op 'e gleed te helpen, ‘dan sjochst teminsten watst dochst...’
Ik hie al gau myn nocht, dan mar net.
‘Kom hjir, no even trochsette...’ en dêr siet ik, Jacob Nauta, de skiepmelker. Fan achteren wie it yndie in stik makliker, de molke spete samar ta de amer yn.
Grutsk sjoude ik de molke nei de kelder ta om mem te helpen mei it tsiismeitsjen, dat die ik wol faker. It wie in hiel merakel, teminsten yn myn berne-eagen, om te begjinnen mei wat molke en dat dan om te setten yn tsiis. Boppedat wie it dêr lekker koel en in soad wurk wie it net. Sels wie ik net sljocht op skieppetsiis, fral net om't mem der yn 'e regel krûdnagels trochhinne die. Ferhipte skerp smakken dy dingen en ik fertroude it ek net hielendal mei dy tsizen fan mem. As der keutels yn 'e molke dreauwen, waarden dy der kreas útfiske, dat wol. Mar hold se de fin- | |
| |
gers wol ticht genôch, of bleau der hjir en dêr wat yn 'e molke achter? Foar folwoeksenen in idioate fraach, foar in bern sa logysk as wat. De gedachte allinnich al dat ik de kâns rûn op in stik skieppestront om te kôgjen. Nee, tankjewol, foar my gjin skieppetsiis!
Dus waard de brot útsutele mei de hânkarre, earst troch heit, letter troch Harm en myn persoan. Grutsk skoden wy de piipkarre troch de arbeidersbuerten en ferkochten wy de tsyskes foar in kwartsje. Wy wiene se samar kwyt, wy hiene in pear fêste adressen.
Fral Simens Harmke oan 'e ein fan de Emmastrjitte moasten wy net ferjitte. It minskje wie sljocht op skieppetsiis en mem frege altyd oft wy dêr wol west hiene. Dat hiene wy, en mei reden, want wy krigen altyd wat lekkers. Dat fertelden wy thús fansels net, wy seagen wol út. Wy mochten soks net dwaan ‘foar eigen gewin’, sa't mem dat sei. No mocht Harm de lêste tiid net mear by ús op 'e pleats komme, om't dat gefaarlik wie foar Job. De karre waard dus de helte swierder foar my allinnich, dêrom kaam pake op 'e hispel mei syn dryst hûneplan.
‘LeviStrauss kin moai ûnder de karre,’ ornearre er.
Dat wie net gek betocht, fûnen de oaren. It like my ek wol gesellich ta, sa mei de hûn, fral om't ik hieltyd fierder fuort moast om de hannel kwyt te reitsjen. Der wie ynienen fan alles mis mei ús ferneamde tsiis.
‘Der sitte gjin nagels mear yn,’ klage de ien.
Ik koe dan wol útlizze dat dy dingen net mear te krijen wiene, mar it like wol of wie elk like dôf oan it wurden.
‘Dy tsiis is soer,’ seurde in oar. Dat koe wolris sa wêze, wie it net simmer? Nee, in karre mei in hûn derûnder, it like my wol wat.
Pake wie al ûnderweis nei it hok ta om de beagen op te heljen, doe't muoike har ôffrege oft Job gjin tastimming jaan moast, dy hûn wie net fan ús. Mar Job fûn it neat, dêr wie LeviStrauss neffens him te goed foar. Ik soe my dus allinnich rêde moatte,
| |
| |
der siet net folle oars op. Om de teloarstelling wat fuort te poetsen, bea pake oan dan mar sels mei te gean.
‘No, hoe liket dat?’
Ik fûn it bêst, fral om't pakes der om bekend stiene minsken as mem net in soad wizer te meitsjen as bern wat lekkers krigen by de ferkeap fan skieppetsiis.
| |
Fiif
‘Mem soe it my nochris útlizze, mem hat it sels sein...’
Wy sieten op east yn ús eigen keamer, heit wie noch achter en ik hie my krekt wosken, want it wie sneon. Mem droege it hier nochris, want it dripte op it kleed.
‘Ik sil it dy wolris útlizze...’
‘No dan...’
‘...ast wat âlder bist, dat ha 'k derby sein en dat witst hiel goed, Jacob Nauta...’
Under it waskjen - ik mocht it no sels dwaan, mar mem hold my sekuer yn 'e gaten - praten wy oer fan alles en noch wat. Hoe gie it op skoalle, woe ik letter wol op 'e pleats, Harm, famkes, de oarloch, oer fan alles koene wy it hawwe. No ja, mem wie it meast oan it wurd, al hong dat wat ôf fan it ûnderwerp. Oer skoalle woe ik wol wat sizze, ik hie moaie sifers, mar oer famkes hie Jacob Nauta net in soad te melden. Soks koe er net mei syn mem beprate, dat die Harm ek net.
Ditkear hiene wy it oer de tsjerke. Mem fûn it needsaaklik út en troch wat te pinfiskjen nei myn fêstichheid yn it leauwen, der wiene genôch by de keppel weirekke. Earlik sein wit ik net mear wa't deroer begûn, sy of ik. Hoe't it ek wie, wy hiene it oer tsjerke en sa krige ik de gelegenheid nochris te begjinnen oer har praatsje yn de finne. Doe woe se neat sizze oer de swierrichheden mei dûmny Schaap, miskien wie der no in bettere kâns.
| |
| |
‘...Mar ik bin al wer âlder wurden...’
‘Dat bedoelde ik net...’
‘Mar ik wol!’
It wie mem min nei 't sin dat ik hieltyd besocht har tsjerkepraat in oare kant op te stjoeren, dêrom sette ik troch, boppedat wie ik âld genôch om der aardichheid oan te krijen. Dochs woe se neat sizze oer omke Geart, want dêr wie ik op út, dat hie se goed yn 'e gaten.
‘Nee, ik wol it oer wat oars hawwe...’
‘Wêr dan oer?’
‘No, moarn is it snein, mar net as altyd...’
Net as altyd? Alle sneinen wiene in kopy fan alle oare sneinen, it wie de iennichste dei dat der neat barde. Wy stipten wat om yn ús kaamferballeklean, sieten skoften op de hurde tsjerkebanken, ieten wat oars as oars, de grutten seine noch wat oer de preek, dan stipten wy wer wat om, wer nei tsjerke ta en dat wie it sawat. Ik wie bliid as de moandei achter it kleed weistapte, ik wie net sa sljocht mei de hillige dei. Foar my wie it dus goed nijs dat de snein ris wat oars bringe soe.
‘Hoesa?’
‘MOARN GEANE WY NET NEI DE GRIFFORMEARDE TSJERKE!’
Der binne fan dy mominten dat je noch presys witte wat je diene doe't... Ik siet oan 'e tafel, it hier dripte noch nei om't ik my krekt wosken hie, it wie in wat grizige sneontejûn en in simmergrypke hie my te pakken hân. Hie mem ferklaaid as militêr in bom troch de ruten mikt, dan hie de klap net sa hurd wêze kind as op dit momint, doe't se samar meidielde dat wy net nei tsjerke gean soene.
‘Wêr geane wy dan hinne?’ frege myn stive mûle.
‘NEI DE MARTINITSJERKE!’
In twadde bom sloech yn, fiif kear sa swier as de earste. Ik fergeat ûnder de tafel te dûken, ik wist net hoe't ik it hie.
‘Wêrom?’
| |
| |
Dat wie in fraach fan ien wurdsje en ik stelde him sûnder derby nei te tinken. Dat wie ek de iennichste mooglikheid, it rêdwurk fan it ferstân foel stil, de gewichten wiggelen oer de flier. Mem bleau kalm, mar it wie in maskerade dêr't ik trochhinne seach.
‘Ik ha dy al sein dat wy wat spul mei tsjerke hiene, dingen foar grutte minsken... Heit fynt it better dat wy nei de herfoarme tsjerke geane, dus... dan witst it mar even...’
‘Geane wy dan noait wer...?’
Myn stim skeat as in fûgeltsje de loft yn, want ynienen betocht ik dat heit syn beslút grif gefolgen foar my hawwe soe.
‘Earst net nee...’
Dy nacht lei ik net allinnich op bêd, neist my lei de heechspanning foar de folgjende dei. Tegearre wynden wy om en om en om, gedachten skeaten my út 'e holle wei as sjippe út in wiete hân, ik wie te wurch om se op te kearen.
Doe't ik de oare deis wekker waard, stie mem foar it bêd. Se hie my by 't skouder, it duorre even foar't ik snapte watfoar dei it wie en dat it der hjoed omwei gie. De sfear yn 'e keamer wie om te snijen. Mem besocht gewoan te dwaan, pake makke syn grapkes krekt wat te lûd, beppe wie te fleurich, heit wie noch achter. Allinnich muoike wie sa't se altyd wie: in bytsje ûnferskillich, wat nokkerje op de ferkearde mominten en ien kear hearde ik nei in opmerking fan pake sels har ‘hgáhgahgaaaa!’ troch de keamer kreakjen.
As ûnwennige einen sjuttelen wy oer it paad troch de finne. As wy nei tsjerke giene, rûnen wy meastal de feart om. Yn dit gefal kaam dat moai út, sa wie der in net al te grutte kâns dat wy bekenden tsjinkamen. Want dêr wiene wy as de dea foar, ik teminsten wol. Ik wist no al net wêr't ik sjen moast, hoe soe dat wêze as ik Ale of Harm seach? No wiene wy noch feilich, wy skeaten net al te folle op. De boaten oan de kaai foar de Koöperaasje leine der stil en ferlitten by. Foar de skippers hoegden wy
| |
| |
net bang te wêzen, dy koene ús dochs net. It feest soe begjinne by de Stasjonsbrêge, mar dêr wie it ek feilich. Wy begûnen hurder te rinnen, it grutte momint bruts oan.
It beslút oer ús tsjerkegong foel nammentlik net by it gebou sels, mar healwei de rûte. By de Turfkade sei gjinien mear wat. Stil tripken wy de Turfkade foarby om wei te wurden yn de Dykstrjitte. Wy hearden hjir net, teminsten net op dizze dei. Grifformearden fan ús kant stêd hearden op snein net troch de Dykstrjitte te rinnen. De earste meters wiene it slimst, mar doe't de ierde net iepenspjalte om ús op te slokken en de wjerljocht net op beppe har huodsje ynsloech, gie it better. It tempo sakke wat en wy wiene ek net mear allinnich, hieltyd mear herfoarmen rûnen deselde kant út. Guon groeten, oaren seagen allinnich mar even en stik foar stik koest se tinken hearre. Allinnich muoike hie wille, dat seach ik oan har briltsje. It dinkje glânzge deroer en dûnse op har noas, út en troch treau se it - rrrrtt rrrrtt - werom foar de eagen.
‘Wat grappich, net?’ lústere se myn kant út.
‘Ja...’
‘Moatst ris sjen, se dogge krekt of is it hiel gewoan... sjoch, sjoch!’
Se fermakke har ta de teannen út. Ik frege my ôf wêrom't se sa optein wie, soe se net leaver mei Job...?
Dy gedachte joech wat ôflieding en sa sieten wy samar yn dy ûnbidige, stokâlde Martinitsjerke. Ik fielde my fuort teplak, der wie sa'n soad te sjen. Safolle sarken hie 'k noch noait by elkoar sjoen, it gebou siet derûnder. Mear as de helte fan de tsjinst siet ik mei de holle foardel en besocht ik de flier te lêzen. Ik frege my ek ôf hoe't al dy deade minsken der ûnder de flier by lizze soene. Krekt as oare bern hie 'k in sûne belangstelling foar bonkerakken en deadskoppen. Gelokkich wiene ek de libbenen fertsjintwurdige. Sa seach ik slachter Kuperus, Foppe Briltsje en noch folle mear.
Eins frege ik my mar ien ding ôf: soe God ús wol fine kinne?
| |
| |
Elk wist dochs dat Hy it leafste fan de grifformearde kant oankrûpt waard en ik wie der net hielendal wis fan oft er dizze aksje fan de Nauta's wol op priis stelde. Gelokkich mar dat God bulten genede hie, no koene wy der ek ris gebrûk fan meitsje. Doe't wy wer thús wiene, plofte heit yn 'e stoel del.
‘Hèhèpoepoe, dat ha wy ek mar wer hân,’ sei er.
‘...En... wat fûnst derfan, Jacob?’ frege beppe.
‘Der lizze allegear deade minsken ûnder de flier, hat beppe dat wol sjoen?’
‘Harrebarre, wat bist ek in rare, dy jonge ek...’
Nee, it foel net ôf yn de Martinitsjerke, ik woe der altyd wol hinne. Ien ding wie spitich, ik soe Evelyn dêr net gau treffe. Mar ik treaste mysels mei de gedachte dat it mar om in pear oerkes gie, op skoalle helle ik de skea wol wer yn.
| |
Seis
Hy stie op de skuorreed foar't wy der erch yn hiene. It wie suver in wûnder dat soks noch koe, want de Nauta's wiene op har iepenst en al hielendal nei de krusiging fan de hin op it-húske-mei-de-balke. Heit gie der moarns ier en betiid ôf foar it gefal dat. Ek stie er nachts wol achter it hok, dat fertelde mem. Miskien soe de persoan dy't dat keunstje lapte, it nochris dwaan en dan wie it saak de dieder te trappearjen, wy woene wolris witte wat hjir achter siet. It koe fansels wêze dat de oaren it wol wisten en wie ik de iennichste dy't net op 'e hichte wie, mar dat hie ik doe noch net troch.
Oan tafel fantasearren wy der iepenlik oer wat wy dwaan soene as wy him te pakken krigen. Beppe gie hjiryn it fierst, mar sy hie dan ek in grut hert as it om hinnen gie.
‘Om my slachst him op itselde plak fêst, ik jou dy de spikers wol...’
Heit sei neat, mar ik koe wol fernimme dat er it wakker mei
| |
| |
har iens wie. Ik net, it gie my sa al mâl genôch en djip yn myn hert wist ik wol dat it praat om it praat wie. Ik koe my teminsten net foarstelle dat heit soks dwaan soe, al mocht er dy fint - ik gie derfan út dat it om in man gie - om my bêst even troch de hannen gean litte. Mar earst moasten wy sjen dy knaap te pakken te krijen en dat soe noch in hiele toer wurde. Oant it safier wie, koene wy net folle oars dwaan as troch de rútsjes nei bûten loere by elke fertochte beweging bûtendoar.
Hoe't Klaas Hagel - foarhinne Klaas Brechje - op de skuorreed slagge, wie foar elk in riedsel. Hy stie der gewoan en dat midden op 'e dei, it momint dat er it measte opfoel yn syn swart pakje. De buks hong op 'e rêch, dêrom syn nije skelnamme, al bleau er foar my gewoan Klaas Brechje. De loop stuts suver wat feestlik omheech achter it skouder wei, mar ik skrok my dea. Ik wie nammentlik de earste dy't him seach, ik soe nei skoalle ta. Yn 'e skuorre stie in wein, dêr kaam it fan dat ik him pas ûntduts doe't ik him sawat op 'e teannen stie.
‘...Ha... Jacob...!’ sifele syn fliberige bekje.
Ik seach him allinnich mar oan, de mûle heal iepen en it ferstân op nul.
‘...Is jim mem ek thús?...’
Ik knikte fan ja tusken alle gedachten, skrik en bangichheid troch. Ik woe dat ik eagen op 'e rêch hie, dan koe ik sjen oft de kast fan omke Geart goed teplak stie. En wie Job wol wêr't er wêze moast, ferlamme in oare gedachte myn praatspieren. Ik moast wat dwaan, mar wat? Der hoegde net langer neitocht te wurden, hy soe my foarbyrinne as ik no neat die. Opkeare koe ik him net, it iennichste dat oerbleau wie fuortdrave en heit warskôgje. Dy siet om dy tiid hinne yn 'e grutte stoel op east te slûgjen, pake die itselde yn 'e gewoane keamer.
Ik draaide my om, spile fan ruten en rôp oer 't skouder sa lûd as ik mar koe fan ‘wachtsje mar even, ik helj...’ Sa stode ik troch it klompehok de gong op. Pake wie it maklikst te besetten, mar ik hie mear fertrouwen yn heit, dy wie sterker. Myn
| |
| |
rêding kaam út in ûnfertochte hoeke, mem kaam der tafallich oan.
‘Klaas Brechje stiet yn 'e skuorre...’
Noch noait hie ik mem sa fluch sjoen as dy kear. Se wachte de ein fan myn benaude sin net iens ôf. Yn ien beweging skode se it damhoutsje Jacob Nauta fansiden en foar't ik der erch yn hie, wie se al achter. Se kearde Brechje, Klaas op by de doar fan it klompehok, want hy wie my dochs achternei kommen.
‘No no, wa ha wy dêr...,’ sei se sa gewoan as gewoan mar wêze koe.
‘Ja, ik tocht...’
Klaas hold in ammerke omheech, itselde dêr't Ale en ik him doedestiids ierdbeien yn brocht hiene en dat wy fergeaten doe't wy sa hastich by him fan 't hiem rekken.
‘Och heden, dat is moai, ik tocht al, wêr is dat ding keard...’
‘Ja...’
Mem pakte him ûngemurken by de earm en treau him fuort.
‘No, moatst mar wer ris...’
Ynienen seach ik dat mem ek Manieren Fan Dwaan hie. Se prate krekt as de susters tsjin de gekken út it gesticht diene, allinnich ditkear wie Klaas de pasjint. Hy hie neat yn 'e gaten, as in mak skiep liet er him meitroaie nei de skuordoar. Doe't er nei bûten stapte, stike de loop achter it kezyn.
‘Ho ho,’ sei mem, ‘foarsichtich mei dat ding... en noch mar betanke, hin?’
Foar de wissichheid seach se him noch even nei en dat rêde Klaas. Healwei de finne ûntstie der binnen in pear tellen in tongerbui sa't wy yn gjin jierren meimakken. As in wyld en mei blikkerjende tosken ploege LeviStrauss troch it gers op Klaas ôf. Hie mem him net weromlutsen en de doar tichtklapt, Klaas hie it net neifertelle kind. Dûm sprong it bist by de doar op, grânzich wachte it op de útlevering fan syn proai. De hiele famylje kaam der oan te pas it bist yn it bûthús te krijen, sadat Klaas fuortkomme koe.
| |
| |
‘No... Ik tink datst hjir better net wer komme kinst...,’ hime mem, wylst Klaas makke dat er fuort kaam. No koest moai de hiele buks sjen, eins wie it mar in dom gesicht. Heit woe wat sizze, mar mem warskôge him mei de eagen en treau him werom ta de skuorre yn. Dêr stiene wy en wy seagen elkoar oan. Allinnich de hûn mâltjirge noch in skoft troch, it duorre wol tsien minuten foar't er wer nei bûten koe.
‘Dy moat tenei mar fêst, dan ha wy ditsoarte fan grappen net,’ fûn heit.
‘Oars moat er mar oan it tsjoar,’ tocht beppe, mar dat like de oaren neat.
‘It binne gjin geiten...’
‘Stie Klaas al lang yn 'e skuorre?’ frege heit.
Ik luts oan 'e skouders: ‘Hy stie achter de wein...’
Wy tochten allegear itselde en seagen nei de kast op it klompehok. It wie mar goed dat Job oerdeis net mear út it flokhok kaam, dat wie lang net fertroud.
‘No kom, nei skoalle do!’ en mem treau my nei bûten ta, it hie wol wer moai west.
| |
Sân
It grutste diel fan myn ferkearing waard útmakke troch it achternei sitten fan Evelyn. Soks wie allinnich mooglik as sy fuortdraafde as ik deroan kaam. Se die dan earst in pear stapkes - net al te fluch - en ik rûn op har ôf, mar dan in bytsje flugger, sy begûn te razen, ik rûn noch wat hurder, sy stode it skoalplein op en ik der achteroan. Hearlik! As ik har ynhelle hie, pakte ik har beet of ik tikke har, fan oare mooglikheden hiene wy gjin weet. Evelyn die dat allegear presys goed. Se rûn noait te hurd fuort, ek har razen wie net te lûd. Nee, dan Pytsje Pot. Dy raasde as in âld baarch by slachter Kuperus sa gau't se Harm oankommen hearde, lang foar't er de achterfolging ynsette. Sa't Pytsje dat die,
| |
| |
dêr wie neat oan, teminsten dat fûn ik. Harm tocht der oars oer, dy fleach as in gek.
Earst hie 'k der gjin erch yn, mar Evelyn rûn de lêste tiid hiel wat minder entûsjast fuort, wat my de mooglikheid ûntnaam achter har oan te gean. It wie in spultsje fan lauwe tee oan it wurden, je drinke it wol op, mar smeitsje, ho mar. Doe't ik har tikje woe, warde sy my ôf.
‘Wat is er?’ frege ik, mar se joech gjin antwurd. Se rûn fuort mei in gesicht dat ik noch net earder seach. Dat wie it slimste net. It slimste wie dat se my net oanseach, ik koe der net oer. Under de les holden wy altyd eachkontakt, se siet skean achter my. No bestie ik net mear, se seach ûnder de rekkenles strak nei it boerd en fermannichfâldige sa myn leed. By it tekenjen mocht ik it hynder dat ik mei soarch op papier sette, foar de klasse sjen litte. Grutsk stapte ik nei foaren en dêr stie ik, in jonkje mei in hynder - it wie de Bels - boppe de holle. It súkses duorre net lang. De iennichste dy't der ta die, siet wat ûnferskillich nei bûten te sjen. Doe begriep ik dat it goed mis wie. Yn it skoft waard it al net folle better en stadich mar wis waard de dei dy't sa kleurich út ein set hie, bleek om 'e noas. Even letter begûn it te miggeljen. Op it Bolwurk koe Evelyn om 'e donder wol rinne, ik koe har amper byhâlde. By it brechje op healwei, achter de âlde pakhúskes, helle ik har yn.
‘Wat is er?’ pûste myn stim.
‘...’
Ik wachte, wat wie dat no foar antwurd?
‘Nou?’
‘Ik wil niet meer...’
‘Hn?’
‘Ik wil niet meer met jou...’
Se woe fuortrinne, mar myn ferbjustere hân hold har tsjin. Doe kamen de triennen, net by my, mar by har. Wat soene wy no hawwe? Ik hie har noch noait gûlen sjoen en ûntset seach ik hoe't har mûle iepentearde, al die se noch sa har bêst de lippen
| |
| |
op elkoar te hâlden. Gelokkich fergeat ik te tinken, ik lei in treastende earm om har hinne.
‘Ik wi-hil n-niet m-meer...’
Myn ferstân wegere it boadskip oan te nimmen, dêrfoar wie ik te wiis mei har.
‘Maar waarom niet?’
Doe kaam it hege ward der út: ‘Het m-mag niet mm-eer van vader...’
Der wie neat mear te freegjen, no begriep ik it. Stom, ik hie it sels betinke kind.
‘Is het omdat wij niet meer...’
Se knikte. In pear tellen stiene wy as wiete mosken ûnder de iperenbeammen. Wat moasten wy no?
‘Dan doen we de verkering in het geheim...’
Mar Evelyn skodholle, dat wie tefolle frege fan de dochter fan in dûmny. Wy moasten opsjitte, Harm en Pytsje kamen der oan en dy hoegden net te witten dat ús ferkearing út of sawat út wie.
‘Nou, zullen we vanmiddag...’
Wer knikte se, al wist se neffens my net heal wat ik bedoelde. Ferslein rûn ik fierder, sombere gedachten tûmelen omraak oer elkoar hinne. Dêr hearde ik Harm al. Pytsje Pot wenne oan de Suderkade en dan rûnen wy altyd tegearre fierder oer it Spoarrûntsje, krekt sa't it wie foar't wy ferkearing hiene.
‘Wat no, problemen?’
‘Ja...’
‘Wol se net mear?’
‘Nee, har heit...’
Harm knikte, it wie sa't er al tocht hie.
‘Om't jim no nei de Martini geane, tink?’
Hy knikte wer, blykber wie dit te ferwachtsjen, ik wie wer de iennichste dy't dit net foarsjoen hie. Foar it stasjon giene wy elk ús eigen wei. Allinnich rûn ik fierder mei mar ien gedachte: ik woe dat wy mar wer grifformeard wiene.
| |
| |
| |
De ljedder
Jacob suchtet, it wurk is hast dien. De sirkel op it joadeplak krijt syn foarm, hast rûn, hast rûn. De iepening moat ticht, slute dy boel. Wêrom sa bang, hy is ommers klear, de ljedder rikt hjir net fierder ta de djipte yn, wat kin der noch mis gean? Hy sjocht foar it lêst om him hinne, syn eagen glydzje oer de sarken. In foet rekket los fan de ûnderste trieme.
As de sechsde stien leit, begjint de sirkel te sluten. Tefreden sjocht Jacob hoe't de stiennen derby lizze. Wie der net wat sein oer in monumint? It begjint derop te lykjen, goed idee fan Ella om it sa te dwaan. Har freonen stean noch op itselde plak as niiskrekt. Se binne der dúdlik noch net oer út wat se no dwaan sille, fierder wurkje of net. De middei begjint al aardich op te sjitten, it is strak fiif oere. Eelke is de iennichste dy't noch wol in set dwaan wol, mar de oaren leauwe it wol.
Dat komt ek fan Jacob. Mei syn ferhaal hat er hiel wat losmakke, mear as er sels yn 'e gaten hat. Ella is oerein kaam. Jacob hat it sechsde blok noch mar amper dellein, of se begjint der alwer oer.
‘Wy tochten, it moat wol in frjemde gewaarwurding west hawwe nei safolle jier der achter te kommen dat dy ûnderdûker net tafallich by jim telâne kaam...’
‘Do bedoelst dat er dy Hans Weber opsocht doe't dy hjir yn Nederlân telâne kaam?’
‘Ja...’
‘Dat sil ik dy sizze, want dêr is noch in hiele drokte achterwei kaam! De frou dy't my oan dy ynformaasje holpen hat, frou Eberfeldt, dy hat kontakt opnommen mei de famylje Weber. Hie 'k al ferteld dat har man in boek oer de Joaden út Augsburg skreaun hat? Ja?... No, se hat dus kontakt opnommen, want se woe witte oft myn ferhaal by dy minsken bekend wie. Dat wie dus net sa, oars hiene se dat doe wol sein, of net? No hie in, even
| |
| |
sjen hear, in... ja, in muoike noch brieven fan dy Hans Weber...’
‘Ut dy tiid?’
‘Ja...’
‘En hjirwei ferstjoerd?’
‘Ek dat noch! No, dy brieven binne troch dy frou neilêzen om te sjen oft der ek wat oer Job yn stie, je witte mar noait. Ik wie der ek wol nijsgjirrich nei, want ik wist hoe't se de korrespondinsje opset hiene... dy Hans lei briefkes ûnder in stien dêr yn 'e hoeke...’
Jacob wiist it plak oan, fjouwer hollen draaie mei.
‘Ik frege my ôf oft se elkoar ek moeten, ik wist der neat fan. Miskien hie dy Hans der wat oer skreaun of sa...’
‘En?’ freget Biem.
‘Neat, teminsten net yn direkte sin. Dat koe fansels ek net, alles waard neilêzen, Feind hört mit!’
‘Wat seit Nauta?’ laket Ella.
‘Sa seine se dat yn 'e oarloch, om foar te kommen dat in oar geheime ynformaasje lekke liet. Mar goed. Yndirekt koest út dy fjouwer brieven wol opmeitsje dat Hans it hjir tige nei 't sin hie. Hy skreau dat er hjir altyd wol bliuwe woe. Frou Eberfeldt hat my in pear kopyen opstjoerd en ik moat sizze, dan komt dy tiid wol wer hiel tichtby!’
‘Wannear is Hans nei Ruslân ta gien?’
Solomon begjint data te kombinearjen. Jacob herkent it ferskynsel, hat er sels ek net besocht in rekonstruksje te meitsjen?
‘Dat sil, even tinke... wat letter yn '42 west hawwe, ik haw him nei de simmer net wer sjoen.’
‘Witte jo eins wol presys wêr't Job leit?’ wol Biem witte.
Jacob skodhollet.
‘Ik ha der mar in goai nei dien, myn pake hat der wat oer sein en der bin ik op ôfgien. Boppedat, dizze hoeke is leech en ik moat dy stiennen dochs earne kwyt. Mar hast der wat op tsjin as ik myn seremoanje ôfmeitsje? Dan moatst it no sizze hear! Ik rêd de boel sa wer op, as it moat!’
| |
| |
Dy opmerking lûkt Solomon oer de streek. Wêrom soe dy âlde man, dy't hielendal út Itaalje weikommen is, syn betinking net ôfmeitsje meie? Hy sjocht de oaren oan.
‘Wat sizze jim, sille wy noch wat dwaan, of...’
Ella is der gau út.
‘Ik tink dat wy mar ris oppakke moatte. Nauta is hjir kommen mei in doel en ik tink dat wy syn plannen aardich yn 'e war stjoerd hawwe...’
Jacob protestearret en net allinnich foar de foarm. Fansels, hy hie wat yn 'e holle en it is allegear oars beteard, mar om no te sizzen dat de oanwêzigens fan de oaren skande fan de tiid wie, nee. Goed dat er mei Solomon oerlein hat. It jout him it gefoel dat er net allinnich dwaande wie mei dingen út it ferline. Dizze jonge minsken setten him werom op de planeet en dat is op in bepaalde manier ek in treast.
‘Och, foar't ik it ferjit, dat ferhaal dat jo skreaun hawwe, dogge jo dêr noch wat mei?’ freget Ella, wylst se ôffûstket.
‘Do bedoelst it ferhaal fan de stiennen? Wat soe ik dêrmei dan moatte?’
‘No, 'k wit net... útjaan of sa, ik sis mar wat...’
‘In boek? O nee, ik tink der net oer, ik ha dy dingen allinnich foar mysels opskreaun, oars net! Ik bin te âld foar dy dingen...’
Te âld? Witte jo wat? Soe ik it net ris lêze meie, it liket my sa nijsgjirrich ta. En as der fierder dochs neat mei bart... It soe dochs skande wêze as soks op 'e planke lizzen bliuwt. Miskien is it echt de muoite wurdich dien wurk te meitsjen, ik wol jo bêst helpe hear!
Jacob tinkt even nei en nimt in beslút.
Goed, moatst mar ris sjen, sil ik dy myn telefoannûmer jaan?
In eintsje fierderop siket Biem it guod by elkoar.
‘Net ferstannich ferve op in joadsk begraafplak stean te litten,’ glimket Solomon en hy stekt in hân út.
‘No, it bêste dan mar. Ella hat gelyk, sa kinne jo alles rêstich
| |
| |
dien meitsje. Ferjitte jo net it stek ticht te dwaan?’
Eelke stiet al by de yngong, hy stekt in hân op.
Jacob wachtet oant se fuort binne. Healwei it paad groetsje se nochris, dan ride se fuort. De sfear op it begraafplak feroaret. Komt it fan de loft dy't stadichoan berûn is? Wurde de muorren om him hinne heger of liket dat mar sa? Is it syn âld plan, mei soarch úttocht, dêr't er no mei fierder kin? Miskien is it wol sa dat de oanwêzigens fan Ella en de oaren ôflieding joech fan de dingen dy't er dochs in kear ûnder eagen sjen moat. Tagelyk hat er, troch fan syn skiednis te fertellen, de boel op in rychje set. Yn kombinaasje mei it ferhaal dat er in pear jier dêrfoar oan it papier tabetroude, hat er sa dochs in aardich byld krigen.
Soene syn foarâlden him hjir sjen kinne? Hy sjocht omheech. Ut it westen wei is de hege bewolking ferfarske mei in grize loft. Wa wit, miskien sit mem dêr te wachtsjen op de dingen dy't er dwaan sil. Straks, as er de lêste stien teplak leit, sil se heit roppe. Wol er komme? Of hat er it te drok? Pake sil glimkje om syn dwaan, beppe skodhollet.
‘Dy jonge ek, hy tinkt tefolle, dát is syn kwaal!’
Stel, omke syn ringen hingje hjir. Alwer sa'n dwaze gedachte, wannear hâldt dat op? Hy pakt se en lit syn âlde skonken by de touwen lâns omheech krûpe, krekt salang oant er op 'e kop hinget. It begraafplak is de himel, de sarken hingje oan it gers oant se loslitte. It reint stiennen, se ploffe del op de wolken, kjel sjitte mem en de oaren fuort.
‘Och och, wat dý net betinkt!’
Hy koe der noait wat oan dwaan, altyd beseach er de dingen fan twa kanten, of trije, of fjouwer. By einsluten hat dy eigenskip him op 'e wei holden en tagelyk ferlamme. Alwer twa mooglikheden en fan beide hat er de gefolgen ûnderfûn. Hy twingt himsels yn 'e spegel te sjen.
Dêr sit er. Dat smelle gesicht moat wol fan him wêze, it kin net oars. As er mei ien praat, sjocht er it earst nei de mûle. Dêr
| |
| |
ûntsteane de wurden en om wurden draait syn bestean. Letters, lêstekens, sinnen en ferhalen foarmje de rêchbonke dêr't er altyd tsjinoan line hat. De taal jout him in hâld, al fan it begjin ôf. Soms twingt er himsels in oar yn 'e eagen te sjen, mar dêr hat er komselden wat fûn. No sjocht er himsels oan. Yn 'e rin fan de jierren is it fel fan syn lidden ûnder de wynbrauwen weisakke. Sa skermje syn eagen har ôf foar it skerpe ljocht fan 'e bûtenwrâld, sa is it net maklik foar in oar by him nei binnen te sjen. Mei syn hûs die er itselde. Hy hat altyd in einzelgänger west, hy koe net oars. Miskien net de maklikste foar in oar en hy fielt in licht gefoel fan spyt.
Wat hawwe syn âlden oan him hân? It measte net, hy wit it wol. Mar hoe wie it oarsom? Hoe faak hat er net it gefoel hân dat se hím sitte lieten? Altyd moast er in eigen wei sykje troch de streken dy't se op dy fan him smieten. Yn syn bêste mominten hat er it begripe kind. De dingen dy't har op de pleats ôfspilen, wiene gjin dingen foar bern. Dat de grutten se foar him út it sicht holden, is achterôf miskien goed te praten. Dochs wisten se dat hy dermei siet, se lieten him dermei omtyskje. Sa hat er syn eigen wei socht yn beppe har plakkeboek, as er har ferneamde ‘Schoolatlas der gehele aarde’ op 'e tafel lei om de siden nei te sykjen. Sykje, dat die er stomme graach. Is dat dan it kaaiwurd foar syn libben? Hy hie in foarleafde foar it ûnbekende en as er de dingen net fine koe, wie er noait te beroerd sels in ynterpretaasje te jaan. Foar syn fertrouwen yn minsken hat dy speurtocht net goed west, hy wit it wol. Dêr't in oar foar de beam socht, seach hy derachter. As it needsaaklik wie, groef er mei pake syn molleskeppe ûnder de woartels troch, krekt salang oant se bleat leine.
‘Sjochst wol!’ sei er dan, ‘ha 'k it net sein?’
Faak hat er gelyk krigen, hy hat altyd in skerp each hân foar de lekken en brekken fan in oar.
Guon neamden him synysk, oaren arrogant. It die him sear as dat sein waard, mar hy liet it net merke. Sa hat er himsels ôfsker- | |
| |
me foar krityk, sa hat er him weromlutsen, krekt sa't Job dat die by de ynfal. Achter in wale fan hea wachte er de dingen ôf en doe't er de kontrôle ferlear, wie der in tou oan in balke yn 'e skuorre. Liket er miskien op Job? Har nammen skele op 't lêst mar twa ûnnoazele letters. Wat is er dan? Syn Stellvertreter?
De gedachten mealle Jacob troch de holle. Unrêstich rint er it middenpaad op it begraafplak del. Wat hat er oer de kop sjoen? Hookstrooks bliuwt er stean, in gedachte befriest, raant en rint fuort. Gedichten hat er útsocht, gedichten fan Rilke, fan Goethe. Hy is werom op it âlde spoar, wol se opsizze, hy hat der sa nei útsjoen.
It is safier. Wat soe der ek alwer sein wurde by de lêste stien? No't er allinnich is, rekket er yn panyk, hy wit it net mear. Flugger rint er troch en hy is totaal fan 't sintrum as er it lêste blok basalt hifket. Dit is him noch noait oerkommen. Rilke sit yn syn kop, de dichter wennet dêr. Mar no is er syn wurden kwyt, syn lêste hâld falt fuort. Is dat alles? De stien is swier, amper te tillen. Sa is it mei it lêste, it swierste leit altyd foar dy. Hy set de tosken op elkoar, spande kaken ferriede syn muoite. Mear stroffeljend as rinnend tôget er syn lêst oer it begraafplak. Boppe him sykje de wolken elkoar op, mar hjir is it blakstil. It bloed sûzet him yn 'e earen. Fûl slacht it hert op 'e tromfluezen as er troch de knibbels sakket.
Hy knibbelet heal op it paad, heal op it gers. It like allegear sa goed te gean, mar syn hertslach belunet net. Wêr is er oan begûn, tinkt er, wêr is er yn 'e goedichheid oan begûn. Wat hat er berikke wold? Rêst op syn ûnrêst, wissichheid op syn twifel? Hy laket, mar de spieren lûke syn wangen út it ferbân, it lûd is bitter. As in floedweach riist it ferline op achter de muorre wei, hoe moat er fuortkomme? Hy is te âld, de skonken binne stiif, wurgens hinget yn it boarst. Hy besiket de hannen fan it basalt te krijen, mar it slagget net. Hy himet. Kin er noch ûntkomme? Wol er dat noch?
De ierde liket trochskinend te wurden. Kjel sjocht er hoe't it
| |
| |
ravyn foar him djipper en djipper wurdt. Underyn beweecht wat, mar it is dêr te tsjuster, te tsjuster om alles goed te sjen. It is nacht. Mei in skok wit er ynienen hokker nacht it is, it is de nacht fan de ûndergong. Midden yn de gaos sjocht er in jonkje lizzen. It bern leit te sliepen, ûnrêstich te sliepen. It lekken dêr't it ûnder leit te winen is wiet, dweiltrochwiet.
Hy wit wa't it is: hy is it sels! Yn 'e skuorre wachtet de hânkarre. Hy stiet by it hynstehok, flakby de muorre dy't ûnder it rút ynskuord is. Op de karre leit in man, heit lûkt der in kleed oerhinne. Der rint ien oer de skuorreed, mar Jacob kin net sjen wa't it is. Dat ferrekte fertsjusteringspapier ek. De nacht falt troch de syddoar nei binnen ta, heit hat de doar iependien. Krekt as er yn 'e doar stiet, sjocht er even omheech. Jacob wurdt kjel, heit hat him sjoen.
‘Opsoademiterje Jacob, opsoademiterje...’
Jacob kin it amper ferstean. Is it heit syn stim wol dy't er heart? Tegearre mei de oar - Jacob sjocht no dat it in man is - skoot er de karre nei bûten ta. It tsjil rint oan, kleierich pipet it troch de nacht. De jonge achter de brânmuorre wurdt wekker, hy sit op 'e râne fan it bêd. As er de karre noch in kear heart, komt er oerein. Hy drukt syn ear tsjin de muorre oan en lústert.
As er de skuordoar heart, bliuwt er noch even stean, dan giet er nei ûnderen ta.
De mannen rinne swijsum troch de nacht. By it spoar rint ien fan de twa foarút, de oar wachtet by de kastanje healwei de reed. As de kust feilich is, skowe se de swiere karre oer it spoar. Neist it silhûet ûnder it kleed kantelet pake syn molleskeppe fan de iene side op de oare, it blêd ljochtet even op. Pake dus! Tegearre mei heit giet er nei it joadeplak. No't it oefenlantsje fan Berend Kúpke ferlitten is en de rêst oer de stiennen sakke, lizze der allinnich noch mar wat deaden. Heit pakt de skeppe en graaft in kantich gat, sa út en troch faget er it swit fan de foarholle. Pake stiet by de yngong. Sekuer hâld er de omkriten yn 'e gaten. De bulte modder op de hoeke wurdt heger en heger. Earst stiet heit der
| |
| |
oan de mul ta yn, dan wurdt er wei. Nei in skoftke klaut er himsels omheech, it wurk is dien. Jacob bûcht foaroer as it kleed fan Job ôfhelle wurdt. Wol er dit echt sjen? It hert jaget troch, woest kolket it bloed troch syn liif, it swit brûst nei bûten ta. Wer sjocht heit omheech.
‘Wat hie 'k no sein, Jacob, opsoademiterje, dit is neat foar dy!’
Wêrom wurdt dy rigel herhelle en wer sein en wer?
Sunich ropt heit pake by de yngong wei. Se tille Job yn 'e kûle. Pake himet. Dan klatterje de mannen út it gat wei, heit skept de boel hastich ticht en stampt de modder oan. Wat oer is, wurdt op 'e karre smiten, de seadden lizze teplak. Even letter ferdwine de beide manlju yn it tsjuster fan de nacht.
Jacob bliuwt achter mei it lyk, de deade dy't er altyd ferantwurdlik holden hat foar de fragen yn syn bestean. Ynienen fernimt er dat er net allinnich is, de kjeld siicht oer syn nekke. Wa stiet der achter him? De lucht komt fûleindich yn beweging, de atmosfear spjalt.
Unsre Seelen leben von Verrat!
Rilke? Wat dogge dy wurden hjir? It binne de ferkearde, de ferkearde!
‘Unsre Seelen leben von Verrat!’
Nochris snije de wurden feninich troch syn siel. Dizze rigel hat er hielendal net opsocht, hielendal net!
‘Unsre Seelen leben von Verrat!’
In koar fan stimmen wynderet him troch de holle, hy moat hjirwei, sa gau as it mar kin. Mei it lêste dat er noch oer hat, komt er oerein. As er fernimt dat it blok basalt noch altyd oan syn hannen hinget, wâlet de wierheid oer him hinne. Noait sil er dy lêste stien kwytreitsje, noait, noait. Hjir sil neat oplosse, neat ferdwine. Rau falle de gedachten út 'e himel wei, hy kin hjir net bliuwe, op dit ûnhuere plak.
‘Swsj,’ seit de stôk.
Krekt op 'e tiid dûkt er fuort. Wer besiket er oerein te kommen, mar syn skonken wegerje.
| |
| |
‘Swsj,’ seit de stôk noch in kear. Jacob kin de slach mar amper ûntwike. Yn panyk skuort er oan 'e stiennen, mar se binne te swier. Dan heart er wer in stim. Ut 'e fierte wei grânzgje de lilke wurden tusken flymskerpe tosken troch omheech:
‘Ik.Krij.Dy.Noch.Wol.Jacob.Nauta!’
It binne wurden út in skier ferline. Mei wjerangels hawwe se fêstsitten yn syn ûnthâld, no sjitte se los. Doe, yn 'e wichtertún slagge it him fuort te kommen sa't it him altyd slagge fuort te kommen. Mar ditkear is alles oars. Flibe mingt him mei it lêste wetter fan syn triennen, de mûle sakket iepen. By it stek stiet heit, tryst sjocht er nei syn soan.
‘Ik kin dy net helpe, Jacob...,’ seit er, lûkt oan 'e skouders en rint fuort. Noch in pear tellen, dan komt de lêste slach. Hat weidûke noch sin?
Hy wachtet, hy wachtet.
Hastich lûkt Jacob de foet werom, no wit er wat er eins wol witte koe. De sirkel wol net ticht, altyd bliuwt de ein in iepen fraach. Dan begrypt er wat er noait begripe woe. De sande stien sil er meitôgje moatte oant de lêste dei fan syn bestean. Dy stien sil er allinnich kwyt kinne yn de ferhalen dyh er skreau doe't er seisenfyftich wie. Lykas altyd is er feroardiele ta de wurden dêr't syn libben út foarme is.
| |
Acht
Brekkend ljocht late myn eagen nei it-skilderij-mei-de-hoeder-en-trije-skiep-of-binne-it-geiten. It simmergrypke dat in wike fan myn libbensdagen yn beslach naam, joech my as bonus in oar sicht op in werklikheid dy't al generaasjes by ús oan 'e muorre neist de âlde skippersklok hong. Op de achtergrûn besprutsen mem en beppe myn kondysje, dy't neffens beide froulju wol better koe. Se wiene fan doel my de kommende tiid by te fuorjen en yn gedach- | |
| |
ten seach ik de hoarizon al fol stean mei panfollen brij en bôle. Myn lijerige mage hong by it foarútsjoch allinnich al kokhalzjend boppe de lege terms.
Wat wie it in útkomst dat ik de earen sa goed tichtsette koe, ik siet dêr allinnich mei mysels. Kaam it wol troch it ljocht dat ik de dingen oars seach? In wike lang lei 'k boppe mei myn dwilige kop, de koarts jage my alle kanten op en no siet ik hjir of wie der neat bard. Ik moast wenne oan de keamer en de keamer oan my. It like wol of wie ik hjir útfanhûs, ik beseach de dingen mei oare eagen.
Yn 'e hoeke oan de rjochterkant stie de namme fan de skilder. Om't in pear letters noch lêsber wiene, seach elkenien krekt nei dat wurdsje. Fierder as dy hoeke kamen de measten net. Al gau folge dan de Nauta-fraach oft de hoeder no trije skiep by him hie of net. Sels tocht ik dat it hûntsjes wiene, mar it koene likegoed geiten wêze, wa soe it sizze? De oare kant fan it skilderij wie mear in bline hoeke, dêr wie ommers oars net as in stikje heide te sjen. Noait hie ik dy kant besjoen, mar no foel myn each derop. It wie in droege hoeke, de heide stie der suterich by. It frisse pears - hegerop wie dy kleur noch wol te finen - wie troch de jierren hinne feal wurden. Of hie de skilder it sa bedoeld?
Ynienen fûn ik dat krekt dy fergetten hoeke it moaiste stikje fan it hiele keunstwurk wie. Hjir kaam noait ien, sels de hoeder net. Hy hie hjir ommers neat te sykjen, syn geiten (of skiep) soene al gau trochrinne om't de heide der fierderop in stik griener by stie. Stil wie it hjir, wa soe my hjir fine? Oer de topkes toarre heide hinne seach ik de hoeder yn 'e fierte. Syn jas wie âld en wyndere los om 'e skonken hinne, de holle stie wat skean op it langliddich liif. Yn syn hân hold er in stôk, makke fan in tûke dy't er sûnder mis fûn hie yn 'e bosken fierderop. It ding hong wat doelleas yn 'e loft, de hoeder wie healwei in stap fêstlein foar de ivichheid. Noait soe er de kâns krije de beweging dy't er krekt ynset hie, ôf te meitsjen.
Fan de trije bisten seach it achterste net nei it ferwyldere gers
| |
| |
fierderop. It hie de kop omdraaid yn 'e rjochting fan de hoeder, krekt of woe it tastimming freegje in oare kant op te rinnen, by de oaren wei. No begriep ik wêrom't de man fansiden seach, hy stie op 'e sprong antwurd te jaan op de stille fraach dy't de omdraaide bistekop him stelde.
Achter de hoeder stiene in pear hege beammen foar in âlde klinte, dêr't gjinien wenne. It glês wie út 'e ruten wei sprongen, de doar siet net mear yn 't kezyn. Ik betocht dat it in gaadlik plak wie om te skûljen by reinerich waar, miskien die de hoeder dat wol. Sels soe ik der net gau hinne gean, it hûs makke my bang. No't ik it better beseach, foel it op dat it dak der net al te bêst oan ta wie. By de nok hie de skilder yn in wyld patroan in pear gatten yn it reid makke, ik miende sels de bynten te sjen. Oer de balken hinne hiene se besocht de gatten ticht te krijen. It like of woe de eigner de rein opkeare mei stikken doek, mar dat soe wol ferbylding wêze.
Ik luts my werom yn de feilige hoeke ûnderoan. Op in pear plakken - wêrom seach ik dit net earder? - liet de ferve los. No sette ik de eagen op skerp en ik liet it ferhearde binneneach it ronfelige oerflak milimeter foar milimeter ôftaaste. Mear plakjes fûn ik en noch mear. De donkere plakken, sa like it teminsten wol, wiene sa bedoeld. Se sieten net, sa't ik earst tocht, óp de pearske heide, mar derûnder! Ik moast mysels ynhâlde, oars wie ik sa fan de stoel ôfsprongen om alles better te sjen.
Pas de oare deis, doe't der gjinien yn 'e keamer wie, naam ik de kâns. Foarsichtich skode ik in neil ûnder de losse ferve om der in stikje ôf te heljen. De heide bruts maklik ôf, mar echt dúdliker waard de foarstelling der net fan. Wêr siet ik nei te sjen? Wie it in grûnlaach dy't no oan it ljocht kaam? Ik koe it net litte, myn neil skode fierder. De ferve skulfere fierder, de fergetten hoeke waard op slach donkerder, mar ik seach ek in rântsje wyt. Ik die in stapke tebek om in better oersjoch te krijen. Dêr hearde ik in doar, halje-trawalje makke ik dat ik by de tafel kaam. As ferlechje hie ik it postsegelskrift klearlein, hoe moai kaam dat no fan pas.
| |
| |
De fuotstappen op 'e gong boazen oan en rûnen doe in oare kant út, it soe muoike wêze kinne.
Foar de wissichheid wachte ik even, doe weage ik my wer by it skilderij. Noch ien kear skrabe myn neil in stikje fuort. Ditkear wie it in grutter stik dat losliet. De donkere ferve krige foarm en ynhâld en nei in tel seach ik it: ûnder de heide kolke in see. Fan skrik die ik wer in stap tebek, no wie it noch dúdliker, it wie gjin fersin. Mei oare eagen beseach ik it doek noch in kear en wer. Ik stapte nei it skilderij ta, fielde mear nei de rjochterkant ta, krekt salang oant ik it ritme fan de weagen te pakken hie. As de skilder dan in see skildere hie, dan moast der ek in boat wêze. Myn eagen glieden nei boppen ta nei it hûs. De frjemde gatten yn it dak lutsen myn oandacht en ik kniep de eagen heal ticht. Troch de teisters hinne foelen de lêste dingen teplak. De balke dy't ik earst foar in bynt oansjoen hie, koe likegoed in mêst wêze. Fansels, it koe net oars! De kleden moasten dan wol de seilen wêze, stom dat ik dat net earder sjoen hie.
Mei bûnzjend hert stie ik foar it skilderij. De hiele komposysje wie no dúdlik. Yn it skrift dat ik fan frou Skelting krigen hie, stiene krekt sokke plaatsjes. Wêrom hie de skilder dat dien? Wêrom ferswijde er wat er werklik sizze woe? Under de leaflike foarstelling gûlde in baas stoarm, in skip wie yn need, de bemanning focht foar it libben en dat alles makke my sa bang en ûngerêst, dat ik net mear doarst te sjen.
Tenei mijden myn eagen it skilderij. As ik net perfoarst yn de gewoane keamer hoegde te wêzen, dan kaam ik der net mear. Dochs joech it net folle. Wat fûler ik my fersette, wat ferheftiger de foarstelling ûnder de heide weibruts. Yn stille nachten ferbylde ik my dat ik de stoarm hearre koe. De wyn gisele om de pleats, de pannen rattelen op it dak en dêroerhinne raasde de bemanning om help. Troch de gatten yn de ferve hinne stutsen se de hannen nei bûten ta, pakten my beet en lutsen my nei binnen ta. Ik wist dat it sa gean koe, mei myn eigen bestean wie it net oars. De gefaren om ús hinne wiene der, se leine op 'e loer en wachten
| |
| |
har kânsen ôf. Wa hie dy hin op it-húske-mei-de-balke spikere, wa lei brieven ûnder stiennen, wa stjoerde Klaas Brechje, wat siet der achter ús oerstap nei de Martinitsjerke? Tefolle fragen en nei de antwurden koe ik allinnich mar riede.
| |
Njoggen
Pake hie in molleskeppe. It ding hong gewoanwei mei de jelt op twa rustige spikers yn it hok, mar dat duorre noait lang. Gjinien mocht dy skeppe brûke, sels heit net en ik moast der hielendal ôfbliuwe. It wie nammentlik net samar in ding, it wie in gefaarlik ding en yn dit gefal waard dat wier net sein om bern as ik of Harm benaud te meitsjen. Sels as der gjin mol te bekennen wie, siet pake der op om te slypjen of hong syn libben derfan ôf. Om it allegear noch fierder te oerdriuwen, brûkte er it harspit om de snijkant skerp te krijen. En flymskerp wie dat ding!
‘Sjoch, as it moat, kin ik my dermei skeare!’ sa stie pake deroer op te skeppen.
Wy leauden it fansels net.
‘O nee? Helje by beppe mar wat hyt wetter, dan sille jim it sjen! En ferjit de spegel net!’
Beppe prakkesearre der fansels net oer wetter te sieden, mar ús opteinens oerwûn alle beswieren. Even letter rûnen wy foarsichtich mei it skearspul nei de kolk, want dêr siet er altyd mei syn harhammerke.
‘Wat sille wy no hawwe?’ rôp er ferheard.
‘Pake soe him skeare mei de molleskeppe...’
‘Wa sei dat...’
‘PAKE!!!’ raasden wy, alhiel oerstjoer fan pake syn ûnferstân, ‘Pake hat it séls sein...’
‘No, fuort mar wer...’
Mei sabeare tsjinsin begûn er him yn te sjipjen, ús noch hûndert kear freegjend oft wy syn fraach echt wol goed begrepen
| |
| |
hiene. Op it lêst bruts it grutte momint oan. Harm hold de spegel foar syn noas, ik hie it pantsje mei wetter en pake draaide de skeppe mei de skerpe kant nei it wang. No waard it tinken, gjin grappen mear! Konsintrearre glied de flymskerpe râne oer de warleaze wangen en it kin. Dan die er de holle achteroer om de hûd fan syn kiel op te spannen. Ik fage it skûm fan 'e skeppe ôf mei de skearkwast en as er klear wie, mochten wy fiele oan it glêde gesicht. As pake al yn gjin fjilden of wegen mear te bekennen wie, sieten wy noch yn it skûm te sykjen nei de hierkes dy't fan syn gesicht kamen.
Fansels fong er de measte mollen as it grûnwetter heech stie, mar ek by 't simmer koe er it net litte. De lêste tiid mocht ik wolris mei, net allinnich as dekoraasje, mar om ‘it fak’ te learen.
‘As ik der net mear bin, moatsto it mar fan my oernimme, jim heit kin der neat fan...’
Protesten fan beppe. Pake mocht net sa prate en al hielendal net mei my derby. Mar goed, ik snapte sa stadichoan wol dat it mar gekkichheid wie. Ik mocht mei en dat wie it wichtichste. Om sjen te litten dat er it werklik miende, mocht ik de molleskeppe sjouwe. It wie de earste kear en wat wie 'k foarsichtich! No hie pake wol in jutesek om it blêd hinne, mar je koene mar noait witte. Wy rûnen oer it spoar nei de âlde trambaan, want dêr siet neffens pake in fikse mol. Dy moarn hie er de ûndergong fan it bist taret troch de bulten en in diel fan de gongen yn te traapjen. Al op ôfstân seagen wy in mollerid yn 'e wâl. Pake lei in warskôgjende hân op myn earm en ik joech him de skeppe.
‘Goed sjen wat ik doch,’ begûn pake te flústerjen.
‘Sjoch, dêr ha 'k derop stien, hy hat der noch net wer west...’
Tegearre tripken wy nei de wâl ta en dêr begûn it wachtsjen. Soms koe dat - ik hie it út 'e fierte wei wolris sjoen - wol in healoere duorje en dan wie it noch net wis oft ‘it kring’ wol komme soe. Ditkear wie de mol ûngeduldiger, ‘in gelokje’ sei pake letter. De grûn begûn te libjen. Hookstrooks flime de skeppe troch de loft, skeat troch de hurde grûn hinne as wie it waarme bûter en
| |
| |
dêr sylde de mol al troch de loft. Foar't ik wist wat der barde, mepte pake it swarte duveltsje dea.
‘Dêr ha 'k dy al, jonkje...,’ sei er.
Ik doarst der suver net al te ticht by te kommen en al hielendal net doe't ik wat bloed by it bekje seach. Pake pakte it bist samar beet en spruts it ta:
Ik wie djip ûnder de yndruk. It wie tiid om nei hûs.
‘Ferrekkelingen, dat binne it,’ sei pake ynienen.
‘Ja...’
‘...En mar omstappe yn dy swarte pakjes... Sis ris, hast der in soad lêst fan?’
Hoe koe pake dat no tinke, dy rotbisten sieten ûnder de grûn en... Fûl seach er my oan.
‘Mar ien ding moatst noait ferjitte, Jacob! De measten binne stakkerts. Nim no Klaas...’
Myn ferstân skeakele mei muoite fan it iene nei it oare. Hy hie it oer wat oars, mar ik liet neat merke.
‘Klaas is miskien wat simpel, mar it is in bêste jonge. Se jouwe him it gefoel dat er wat foarstelt, snapst wol? ...Nee, de echte kringen, dat binne de moaie menearen op it gemeentehûs, de hege hearen fan de stêd, dy moatst yn 'e gaten hâlde... O, der binne guon, dy dogge har oan 'e bûtenkant hiel wat moaier foar as dat se binne... Al steane se op de preekstoel... Of sitte se yn 't stek... Hâld se yn 'e gaten, se binne net wat se lykje...’
Wy wiene healwei de reed, by de beam. It soe net lang mear duorje dan koene wy de earste goudbrune kastanjes opsykje.
‘Mar no wat oars, pleagje de bern dy ek, op skoalle?’
‘Wêrmei?’ frege myn ferhearde mûle.
‘Och, ik tocht, miskien dogge se ferfelend om't wy nei de oare
| |
| |
tsjerke ta geane... Hast der ek wat oer heard?’
‘Nee...’
‘Wier net?’
‘Nee...’
‘Moai sa, ik wol net datsto lêst hast fan de streken dy't oaren...’
Wy wiene der. Pake rûn nei de kolk, dêr moast de mol noch even ‘út 'e jas’, want dy wie jild wurdich. Even letter hearde ik hoe't er it feltsje sekuer op in plankje spikere, dan koe it moai droegje. It lykje sels wie foar de hûnen, ûnwennich stiene se der wat op om te rûken. Noch altyd kin ik it byld sa foar my helje: pake yn 'e ûnderwâl, op de achtergrûn de âlde trambaan, dy flymskerpe molleskeppe dy't troch de loft gisele, de mol dy't my heech oer de holle sylde, it rymke dat der as lykrede by útsprutsen waard en ús praatsje ûnderweis, wêrby't er wat sei oer Klaas Brechje en ik tocht dat it mollepraat wie.
| |
Tsien
It wie bedoeld as grapke, mar by einsluten krigen de Nauta's let yn de simmer fan '42 dochs gelyk. It wie dan wol net de echte befrijing, it wie dochs in begjin, in prelude op wat trije lange jierren letter werklikheid waard. De befrijing begûn net, sa't yn 'e skiednisboekjes stiet, yn Frankryk, mar dochs by de Tsjommerfeart. Dat punt wie fan strategysk belang yn de plannen fan Churchill, op heech nivo wie deroer praat, de driging boaze oan. De Dútsers yn it sûkerfabryk wie dat net ûntgien. Mei har lange antennes hiene se blykber wat opfongen en it beslút wie fallen: it oefenlantsje soe frij!
It wie in grize dei. It reinde net, it waaide net, it wie gjin waar. Muzyk en flaggen wiene fier te sykjen, wol wie der in optocht. Trije frachtauto's rieden hoeden om it joadeplak hinne nei de feart ta om de brot op te rêden. Ik doarst net al te ticht yn 'e
| |
| |
buert te kommen, mar misse woe ik neat. Ik stie dus as iennichst publyk op 'e âlde trambaan, sa't ik altyd oeral stie: hannen yn 'e bûse, stokstil, de mûle heal iepen, it trage ferstân dat wat op de feiten omkôge sûnder te snappen wat der no eins barde. Ik kaam foar dy trije auto's. Meastal wie it mar ien, soms twa, mar gjin trije. Boppedat wiene der mear soldaten as oars, yn alle gefallen mear as tsien. Foar myn gefoel doogde dat net, der wie wat te rêden. Drok as mychhimmels draafden de mannen hinne en wer, krekt salang oant alle stikeltried en oare rommel fuort wie. Op it lêst lutsen se de buordsjes út 'e grûn. Lûden fan startende auto's, tichtklappende doarren - it lûd kaam letter as it byld - en dat wie it dan.
Ik rûn nei de reed ta. De frachtweinen wabbelen as fette wintereinen troch de kûlen, de soldaten sieten stil yn 'e laadbakken. Wibeltsje wie der ek by, mar hy siet oan de ferkearde kant en seach my net, oars hie er grif nei my swaaid. Ik wachte oant se fuort wiene, doe rûn ik nei it joadeplak ta. Earst seach ik oft der ûnder de stien oan 'e sydkant ek in papierke lei, mar dat wie net sa. Soe ik fierder? Der hoegde net oer neitocht te wurden, Berend Kúpke kaam der oan.
‘Soa, binne se fuort, dy kloatemoffen?’ raasde er al út 'e fierte wei. Ik tocht net dat it nedich wie antwurd te jaan. Tegearre rûnen wy fierder, ik sei neat en Berend flokte.
‘Moatst noris sjen wat se dien hawwe...’
Ik wie dan mar in jonkje, mar ik koe my syn lilkens wol foarstelle. It stikje skieppelân lei der ferrinnewearre by. Djippe spoaren hiene de daam iepenteard, de sydbalken wiene de sleat yn sakke. Op de ekers hie in leger mollen wraak nommen op de boer yn it algemien en Berend Kúpke yn it bysûnder, de hiele blikstienderse boel lei oer de kop. Berend skodholle.
‘Dy ferrekkelingen... en fan skeafergoeding wolle se neat witte... Ferdomme...’ Ik hold my mar stil, wat koe ik oars?
‘No, ik sil mar in skeppe helje...’
| |
| |
‘Moat ús heit ek helpe?’
It like wol of seach er my no foar it earst.
‘Ja, mar as er it te drok hat...’
Ik wie al fuort, myn oanwêzigens wie dochs net om 'e nocht, ik hie hjir in funksje. Heit hie de auto's al riden sjoen.
‘Ik tocht al... Woe Berend dat? Mei in skeppe?’
Hy begûn te laitsjen en skodholle.
‘Wat wol er mei in skeppe? Wachtsje, ik sil earst mar even nei him ta, foar't er him ferskrept!’
‘Der kin noch wol fan alles lizze...,’ sei mem.
‘Gefaarlike dingen fan de oarloch, wie it net in minefjild?’ heakke beppe der achteroan. Mar no't it oefenlantsje wer gewoan skieppelân wurde soe, hie de oarloch foar myn gefoel belies jûn. Noch even, dan soe de echte befrijing komme. Dy gedachte wie in fersin.
| |
Alve
Doe't ik de freeds tusken de middei út skoalle wei kaam en troch de Emmastrjitte rûn, skeat se samar ta de doar út. In flearmûske, skrokken fan it ljocht, my meilûkend nei binnen ta.
‘Moatst mar net nei de pleats, hjir bliuwe en net by de ruten,’ hime Simens Harmke. Se wreau de hannen op en del oer it blommeskelkje.
Frjemd, dat ik dy skelk mei de reade anemoanen sa foar my krije kin, dy ronfelige hantsjes deroerhinne, sykjend om in hâld dat der net wie. It draaide my yn it liif, de mage stompte it hert, it hert stuts de longen, myn harsens fergeaten de knibbels en sûzen de earen. Doe skeat ik troch it hok hinne nei bûten ta.
‘Bliuw hjir, Jacob!’
Ik hearde it amper, in echo ûnder in kâlde himel, sûnder betsjutting, sûnder ynhâld. Oer de sleat by it apelhôf lei in balkje, fierder doarst ik net. Dêr lei ik, weidûkt yn 'e ûnderwâl en ik wist
| |
| |
net hoe't it no fierder moast. Neat hie ik oan al dy moaie Manieren Fan Dwaan, bûten- en binneneagen, earen dy't alles en neat opfongen. Boppe my rûsde de wyn troch de popels, de pleats stie der ûnfersteurber by, alles like sa gewoan.
It wie mar skyn. Achter op it hiem stiene twa legerauto's. Se oerhearsken it byld, ûnbidich heech riisden se boppe alles út, de driging, de driging. Ik hearde, dwars troch gollen en pannetek hinne, geraas. Der waard sketten en myn wrâld fergie. Panyk griep my by de strôte, eagen gûlden, mar dan oan 'e binnenkant, ik mocht gjin leven meitsje: begrepen?
Ik woe oerein. Sûnder derby nei te tinken klaude ik mei de earmtakken yn de wiete grûn. Ik tocht oan de molleskeppe, mei it flymskerpe blêd soe ik... ferdomme, ferdomme... Doe fielde ik dy hân, dy kalme hân op 'e rêch tusken de skokkende skouderblêden.
‘Hé Dzjekkyboai...’
Wie it syn stim, de toanhichte, de fertroude yntonaasje?
‘Lizzen bliuwe, jonge, bliuw lizzen...’
‘Mar se...,’ en ik die de holle omheech om te sjen. Fuortdaliks lei er syn hân op 'e holle, súntsjes treau omke my werom yn it gers.
‘Wêrom soest dêrhinne, dit binne gjin dingen foar dy, kinst ommers neat beginne, se binne sterk... Mar do bist sterker, Jacob, do bist it sterkst fan ús allegearre...’
Yn de skuorre - yn it foarhûs? - wie it wer stil warden. Wachtsje! Rûn dêr ien by de auto's?
Hearde ik in doar slaan? Wer woe myn ûnferstân oerein, wer dy swiere, twingende hân.
‘Nee Dzjekkyboai, net dwaan, net dwaan...’
Wa wiene der allegearre thús? Ik wist it net. Pake? Grif! Beppe en mem? Ek! Heit? Dat wist ik net, hy koe likegoed yn it lân wêze. Of de stêd yn, dat koe ek. Muoike? Je wisten it mar noait, se stie sa tsjin tolven wolris by de feart. Soe it iten al klear wêze? Rare gedachte.
En dan wie Job der noch. Hjirwei koe ik de glêzen panne fan it
| |
| |
flokhok maklik sjen. Frjemd, mar oer him makke ik my net al te folle soargen. Hy siet dêr fan ús allegearre op it feilichste plakje. As de kast mar teplak stie, as de heagong mar tichtsiet, as der mar net in itenspantsje by de yngong..., as..., as...
Hoe lang hawwe wy dêr sa lein? Foar myn gefoel in ivichheid, der kaam gjin ein oan it wachtsjen. Doe't de tiid fol wie, streamde de skuorre leech. Soldaten klommen yn 'e auto, oaren draafden nei it hok, guon raasden. Noch ien kear drukte omke syn hân my nei ûnderen ta, fûler as alle oare kearen. No seach ik neat mear, it hearren naam it oer. Auto's rieden it hiem ôf, ik bleau lizzen. Bangens wâle troch it liif, in twadde ivichheid sette út ein. Wer wachte ik, de stilte wie ferskuorrend en drukte myn tromfluezen nei binnen ta.
Hoe't it kaam, ik wit it net, mar op in bepaald momint doarst ik wer te sjen. De hân op myn rêch wie fuort, de triennen droegen op. Ik fage de noas en rûn troch de wâl oant ik by it hok wie. Sa koe ik it hiem better oersjen. Haw ik net alles ûnthâlden? Op it hiem hie it oarloch west. Op Gibraltar lei LeviStrauss, de skrik fan 'e greiden, dea as de dea sels. Lapen fan in swart unifoarm hongen noch tusken de grimmitige kaken. Dit wie dus oarloch, ik waard wekker. Ik doarst earst net fierder te rinnen, oant ik hearde dat der ien troch de skuorre rûn. It wie heit. Oan syn hân hong in amer wetter en sa rûn er nei it foarhûs ta. Hy seach my en hy seach my net.
‘...Heit?’
Noait sil ik dy eachopslach oer it skouder ferjitte. Yn ien beweging sette er de amer del, hy draaide him om en drukte my koart, mar pynlik fûl tsjin him oan.
‘Gelokkich...’
Mear as twa tellen sil it net west hawwe, mar dit momint op it slachfjild fan de skuorreed is altyd it kostberste oantinken oan heit bleaun. Fluch pakte er de amer wer op. No pas seach ik syn skeind gesicht, mar hy like der gjin lêst fan te hawwen. Ik draafde achter him oan troch it klompehok nei de keamer.
| |
| |
Beppe lei op 'e grûn, mem en muoike sieten der mei doeken by en dipten har skonken, wyt fleis mei ûnder de hûd blaugriene fivers en reade bloedblommen flak ûnder de knibbels. Pake hiene se op in stoel set, it like of gie de wrâld oan him foarby. Mem seach my, krekt as heit, oer 't skouder oan.
‘O God... tankjewol... Wêr hast... sitten?’
‘Yn 'e ûnderwâl achter, yn it hôf... Simens Harmke...’
Hoe't de dei fierder omflein is, wit ik net mear. Der kamen allegear minsken oer de flier, dokter Snuf wie der, buorlju, Berend Kúpke en wit ik wa noch mear. Nei skoalle hoegde ik net mear, dy nacht sliepte ik by Harm.
De oare wike wie ik op skoalle in attraksje. Elkenien hie fan alles te freegjen, mar de antwurden wiene op. Oer dy freed yn septimber ha 'k - krekt as de oaren - noait wer prate kind. In pear meter fierderop stie Evelyn. Se seach my besoarge oan en dat allinnich al wie in treast nei al dy ellinde.
| |
Tolve
It patroan yn ús reade taffelskleed wie al sa âld as it kleed sels, mar ik hie it net opmurken.
Ik wie no it meast yn ús eigen keamer op east, yn de gewoane keamer wie even gjin plak foar my. Mei de wiisfinger folge ik gedachteleas it patroan fan de hoeke ôf nei de midden ta. Stapke foar stapke kaam ik sa achter de dingen dy't har ôfspilen doe't ik yn 'e ûnderwâl in beskûl fûn ûnder omke Geart syn beskermjende hân.
Beppe wie noch net better. Ien fan de Dútsers, sa'n fûlen-ien neffens mem, hie har in klap ferkocht mei syn gewear. Der siet in rare, skeane baan op har skonken dy't begûn oan de rjochterkant ûnder de knibbel en dan sa fierder nei ûnderen ta.
‘It stelt net folle foar, hear,’ sei se, mar ik hearde de pine yn har stim, seach dat it praten har sear die. Mem die der salve op, dat wie neffens dokter it bêste.
| |
| |
Op it kleed stie sa'n fiif sintimeter út 'e hoeke wei in beamke dat der as in blom útseach. De tûken rûnen stik foar stik út op in plûmke, it wie in Sineeske beam, mei in ljedder dertsjinoan.
Heit wie by de hinnematte. In pear latten wiene fermôge en no't it hea binnen wie, hie er it moai oan tiid de boel wat op te kallefaterjen. Hy wie noch mar amper boppe, doe't LeviStrauss alderheislikst begûn te blaffen. Hy wist fuortendaliks dat it mis wie, al foardat der sketten waard. De hûn hie Klaas Brechje te pakken krigen. Dy sipel tocht, no't der sa'n soldaten by wiene, dat er feilich it hiem oprinne koe. Dat in hûn fan it kaliber LeviStrauss gjin boadskip oan sokke gedachten hie, kaam net by him op en it bist hie him fiks tatakele. It wie dat in soldaat de hûn deaskeat, oars hie der fan Klaas net folle oerbleaun, heit wie der wis fan.
Fierder út 'e hoeke wei waard it patroan komplisearre. Myn wiisfinger wie it spoar samar bjuster. De linen rûnen hjir mei skerpe slaggen troch elkoar en it koste muoite wer op it fertroude paad nei de midden ta te kommen. It wie ek echt in paadsje, it rûn oer in steile berchskeante en ferdwûn út it sicht achter in hûske.
Beppe wie mei mem oan it itensieden. Om't it iten hast klear wie, hie mem opskept foar Job. Dy krige it iten al tiden yn it skûlplak. It wie net mear fertroud by ús yn 'e keamer te iten, want wy hearden rare dingen oer guon moffen yn it sûkerfabryk. Ien fan ús - ik die it ek wol - brocht dan in panfol op it klompehok. Even roppe en klear wie it. Job helle syn miel op, treau it gat ticht en klaar was Kees, lekker ite mar wer.
No wie it de keunst it paad op it kleed werom te finen. Ik moast derom sykje, mar op it lêst fûn ik it dochs. In eintsje fierderop, tusken in grimelgrammel fan lyntsjes en blokjes, lei in mar. Eins wie it logysk dat ik dêr útkaam, it paad folge gewoan in beekje.
Muoike hold yndie by de feart ta om har stjoerman op te wachtsjen. Net dat se noch yn dat wûnder leaude - nei't ik de brief fan Harrie lêzen hie, wisten wy beide wol better - mar it wie sa'n bytsje har gewoante wurden op fêste tiden it wetter op te
| |
| |
sykjen. Doe't se hearde dat der sketten waard, wie se krekt as ik fuortdûkt yn 'e wâl achter it stek. Sa hiene wy beide oan in kant fan de pleats lein, ik oan de eastkant, sy op west. Om't se in better oersjoch hie, wie se earder werom as ik. Se fertelde my letter dat se noch oan my tocht hie. Se wist dat de skoalle út wie, want der rûnen bern oer de Suderkade. Net lang trouwens, se wiene gau fuortstjoerd om't elk oan dy kant wol yn 'e gaten hie, dat it misgie by de Nauta's. Se wie by de feart del draafd yn 'e rjochting fan Skeltings wente om my dêr op te kearen, mar se hie al gau yn 'e gaten dat ik it spoar om gie. Se fertelde my ek dat ‘it gedonder’ sawat in healoere duorre, se koe de klok op 'e toer sjen.
It paadsje op it taffelskleed waard nei de mar ta breder. By de kanten lâns dreaunen wolkjes, wat fansels net koe, mar it stie wol moai. Se holden it paad yn balâns, it paad dat steiler en steiler ûnder myn skowende finger weiwaard yn in skiere loft.
Pake soe krekt nei heit ta. Hy hie noch wat spikers helle, want dêr frege heit om. LeviStrauss hie Klaas al te pakken hân. Pake besocht achter it hok nei it bitefjild te ûntkommen, mar dat wie net slagge. Ien fan de soldaten hie him sjoen en fuort wie de kâns. It measte spile him ôf yn 'e skuorre, want dêr waarden se allegearre hinne dreaun. Ien fan dy moffen, de lieder fan it spul, wie as in spiker. Raze, balte, der wie amper in wurd te ferstean. Fan Klaas hiene se net folle lêst. Hy siet de hiele tiid by it hynstehok te jammerjen. Mei reden, de hûn hie him goed te pakken.
Wat se sochten, waard net sein. Foar ús wie it wol dúdlik, it gie om Job. Se tochten earst dat se by de hinnematte wêze moasten, dêr kaam heit ommers wei. Fan dy kant ôf wiene se mei de healjedder de gollen opklattere mei in stikmannich soldaten, mar se hiene fansels neat fûn. Oan de oare kant sieten se mei trije man op de foarsouder. Sels wie der noch ien dy't oan omke Geart syn kast op it klompehok siet. Dat wie wol even spannend, sei mem letter. Beppe tocht dat se no yngripe moast en se hie wat tsjin de lieder sein. Gjinien ferstie it - se hat ek noait sizze wold
| |
| |
wat it wie - mar it kaam blykber behoarlik oan. Ien fan de soldaten ferkocht har dy klap mei it gewear en doe skeaten se op 'e golle, dat diene se by oare boeren ek wol, it wie in teken dat se neat fine koene. Yn it foarhûs wiene se ek net al te foarsichtich. De boekekast yn 'e moaie keamer lei om, in pear fazen wiene stikken.
Myn wiisfinger is yn it sintrum fan it kleed bedarre. It paad, dat hieltyd breder waard, is weiwurden yn de loft. Hjir stiet in gebou mei pilaren en in skean dak, in echte Sineeske timpel. Foar de trep stiet in pryster. Hy glimket en makket in lichte bûging nei my ta.
Job siet al dy tiid yn syn kastiel fan hea. Fansels hie er fuort troch dat it goed mis wie. As in hazze skeat er nei de yngong ta om it gat ticht te setten. Dêrfoar hie er yn de gong in hiele foarrie hea. As proef hiene wy wolris besocht de gong iepen te krijen as de boel sa ticht siet, mar dat hie noch hiel wat muoite koste. Boppedat wiene wy yn it foardiel. Wy wisten ommers wêr't wy begjinne moasten en de soldaten wisten fan neat. Wat in útkomst dat wy altyd sa sekuer de boel oprêden, altyd dy drokte en it hie net om 'e nocht west. Doe't er de gong ticht hie, wie er nei achteren krûpt. Hy moast der goed om tinke gjin leven te meitsjen, dêrom kaam er net yn it flokhok sels. Yn elkoar dûkt wachte er mei de rêch tsjin de brânmuorre oan ôf wat der fierder barde. Hy siet dêr sa feilich, dat er him skamme. De klap dêr't se beppe op traktearren, wie him slim yn 'e wei. Wy fan ús kant hiene begrutsjen mei Job. Al hie er it wol ferwachte, dochs wie it in hiele slach doe't er hearde dat LeviStrauss dea wie. Pake en heit hawwe it bist oan 'e râne fan it bitefjild bedobbe en om't Job der perfoarst by wêze woe, diene se it jûns let.
It patroan is dúdlik, de opbou fan de linen út 'e hoeke wei nei de midden ta is logysk.
De spoaren fan myn finger troch de stof fei ik fuort.
| |
| |
| |
Trettjin
De wiken dy't folgen wiene betize. Ferdôve doarme ik troch de strjitten fan myn ûnthâld, mar it like wol of hie ik dêr noch noait west. Bekenden - sels myn eigen famylje - beseach ik mei nije eagen. Krekt as nei myn simmergrypke wie it of foel der in oar ljocht op myn bestean.
It wie in tiid fan oprêden. Alde wearden, altyd mei soarch bewarre, setten wy op 'e brânbulte. It wie te fernimmen oan it praat. Pake die net folle oars as skelle op it waar, hy sjampere wat om en beppe grommele mar wat. Mem feroare yn in soargelike frou, skerpe tearen yn 'e hûd. It meast siet ik yn oer heit. Oan alles koest sjen hoe't er him ynhold. Ynwindich brânde in fjoer, ik waard der somtiden bang fan. Nei de oarloch hearde ik fan mem dat er yndie wat fersetswurk die, distribúsje en sa. Dus dat wie de reden dat ik him op in nacht yn 'e skuorre trappearre. Dochs begriep ik syn agresje net, of wie it gewoan sa dat de spanning fan dy swarte jierren him opbruts? Hy sei noch minder as earst, wie der faak mei syn gedachten net by. De fleur wie derút, de grapkes waarden synysk, de rântsjes skerp. Der wie ek wat mei de direkteur, syn frou en Klaas Brechje.
Earst ferdwûn de direkteur. Op in moarn kaam Skelting - in arbeider fertelde it heit - net op it wurk. Dat wie frjemd, want hy wenne neist de Koöperaasje en wie der eins altyd. De wyldste ferhalen rûnen as diggelfjoer troch de stêd. De ien sei dat er yn Dútslân siet, de oar yn Hollân. Beide wie mooglik, elk wist sa stadichoan wol - of tocht te witten - dat er net hielendal fertroud wie. Syn frou wie ek samar fuort. Se ferfear nei Gelderlân, want dêr skynde se wei te kommen. Hoe't it ek wie, op in dei hellen se Skeltings hûs leech. It guod waard opslein yn ien fan de pakhuzen.
Klaas Brechje waard fermoarde, mar hy hie deselde eigenskip as Harrie Boven. Op in dei gie it praatsje dat Klaas net mear op syn spultsje wie. Guon giene derhinne en it kloppe, hy wie
| |
| |
útnaaid. Om't gjinien wist wêr't er siet, seine se al gau dat er fermoarde wie. Syn buks fûnen se achter Hitsum en doe wie it hiele ferhaal dúdlik. Moai betocht, mar net wier. Amper wie de oarloch foarby, of Klaas dûkte wer op. Sa stom wie er dus net. Hy hie de oarloch útsitten by in nicht yn Drinte. Se setten him fuortdaliks fêst en hy krige in feroardieling oan 'e kont. Mem hie doe nóch altyd begrutsjen mei him, dat liet se wolris fernimme. Heit koe o sa lilk wurde, dan sloech er mei de fûst op 'e tafel.
Job koe net by ús bliuwe, mar wêr moast er hinne? Der soe wat regele wurde, mar Job wie se foar. It wie nacht, net lang nei de ynfal. Ik lei yn dy tiid - en letter ek noch wol - faak oeren wekker, spoeken fleagen yn en út. Doe hearde ik wat yn 'e skuorre. Earst wist ik net wat it wie, letter wol. De hânkarre waard ta de skuorre útriden, ik hearde it piipjen fan it rjochtertsjil. Ik derôf. Earst nochris mei it ear tsjin de brânmuorre. Doe nei ûnderen ta. De lampe op 'e gong wie oan en sawat elk wie warber. Beppe seach my en hold my tsjin. Sa hie ik har noch noait meimakke, se wie suver yn panyk. Mem kaam derby en tegearre brochten se my wer op 'e koai. Wat sa frjemd wie: mem wachte ûnderoan de trep. In hiel skoft letter hearde ik de karre wer. Der waard wat sein troch heit, mar ik wit net tsjin wa. De folgjende moarn wie de sfear om te snijen.
Job wie fuort en gjinien woe der wat oer sizze. Dat it net doogde, wie dúdlik. Ik pinfiske wat op myn manier, ik frege wêr't er bedarre wie.
‘It is better datst soks net witst,’ sei mem en ik frege der net op troch. Gjin ferrassing, dat antwurd. In pear dagen letter foel my al wat oars op: de ringen fan omke Geart wiene fuorthelle. Doe't ik ien en ien optelde, wist ik hoe't de sturt oan 'e baarch siet: Job hie himsels ferdien. Tenei soe ik him allinnich noch yn gedachten sjen, it liif súntsjes soeiend op it sigen fan de wyn, heech yn de skuorre, in nachtflinter, tûzen reagen laitsjend foarby flein, mar no betize yn de triedden fan omke syn kaprioalen.
Ik waard lilk. Ik tocht wolris, wêrom hat er al dy muoite dien.
| |
| |
Wiene der yn Haasum gjin bynten, tûken of trepsgatten? Wêrom al dy drokte, in stik tou wie dêr dochs ek wol te besetten? Doe't pake op stjerren lei, frege ik nei Job. Earst begriep er net wat ik witte woe. It like wol of moast er in hiel ein tebek yn 'e tiid, mar doe krige ik dochs it antwurd dat ik heal om heal ferwachte.
‘...Op it joadeplak, yn 'e lege hoeke...’
Dat sintsje sei er hieltyd wer. It wie him yn 'e wei, dat koe ik wol fernimme. Mar goed, ik hie myn antwurd en dêr gie it om. Ik tocht dat it my no fierder wol loslitte soe, mar dat wie in fersin. Myn gedachten draaiden steefêst yn in rûntsje, wer en wer en wer. Sels no't ik alles opskreaun ha, bin 'k bang dat it noait ophâlde sil. Ik sit yn in draaikolk en ik kom der net út oant ik fuortspiel.
| |
Fjirtjin
Ien miljoen dingen haw ik leard. De earste dingen learde ik foar de simmer fan 1942. Doe wie 'k noch in bern, tocht as in bern en die as in bern. In bern wie ik, mar net lang mear.
Yn in pear moanne tiid wie ik it bernige kwyt, om it noait werom te finen. Ik socht yn hoeken en hernen, yn myn ûnthâld, yn boeken oer oarloch, boeken oer frede. Ik pluze foto-albums nei, plakboeken mei sigarebantsjes, postsegels en sûkerpûdsjes. Ik besocht plakken, kuerde achter grouwe beammen, seach op it joadehôf, grêfstiennen woe 'k ûntsiferje, mei triljende fingers fielde ik de letters, tiidbalken haw ik ôfrûn nei it begjin fan de dingen ta, minsken fragen steld, antwurden fan preuveljende lippen lêzen, yn ieuwenâlde eagen socht om in spoar. Ik seach op stasjons, ik kontrolearre treinregelingen, blêde yn argiven, ik fotokopiearde, krûpte om op fermôge flierren, teante troch ferlitten keamers, mar hoe't ik ek socht, it bern wie net te finen, ferdwûn yn in grize damp.
| |
| |
De dingen dy't ik learde yn de simmer fan '42 wiene soms fan mear, soms fan minder belang. Sa learde ik dat omke Geart echt dea wie, de leafde foar de frou fan syn dreamen ûnmooglik. Ik kaam derachter wêrom't ‘Klaas Brechje’ fia de tuskenstap ‘buorman Hoekstra’ omset waard nei ‘Klaas Hagel’, dat guon hûnen krekt minsken wiene, guon minsken krekt hûnen. Ik learde de eagen ticht te knipen as gefaar drige, dat it soms dochs better wie om se iepen te hâlden en dy fan alle oaren derby, dat in auto hurder woe as in hynder, dat de dingen der oars útseagen as je op 'e kop hongen, dat je it paad yn in golle goed ûnthâlde koene mei in stik draakjetou. Ik learde dat fûgels gjin fûgels mear wiene as je se fongen en in fisk gjin fisk as it bist op 'e wâl fan de Trekfeart lei.
Ik kaam ek achter oare dingen. Ik learde ôf antwurd te jaan op fragen, hoeden te wêzen as immen al te freonlik wie, dat it neat koste sels freonlik te bliuwen - sa'n hâlding smiet wat op. Je foardwaan as ûnnoazel bern koe gaadliker wêze as wiisprate, ierappels ieten je net mei in leppel, God is King, wa't gong sette, foel samar net fan 'e fyts, wa't tefolle gong sette, stjitte de holle, mei te min gong knoffelest tusken de biten. Ik learde hoe't ik Geheime Plakken salang mooglik geheim hâlde koe, ik siet achter buro's, yn kasten en op tûken. Ik bewarre dingen oeral dêr't mar wat te bewarjen wie, ûnder dakpannen, yn kasten en fral yn myn ûnthâld.
Steapels gedachten sette ik út 'e wei, om se letter wer op te pakken, te besjen, ôf te taasten, te fersmiten of te behâlden, mar krekt wat it bêste útkaam. Ik besocht myn hâlden en dragen sekuer ôf te stimmen op de situaasje fan it momint. Dat slagge miskien net altyd, dochs krige ik geandewei it sterke gefoel dat myn Manieren fan Dwaan in betroubere wei útmakken. Ik learde dat alles en noch folle mear op de pleats oan de Trekfeart, de pleats dy't sûnt 1832 op myn kommen wachte hie. Dêr learde ik de dingen dy't ik witte moast fan beppe, taflecht en behâld, fan pake Jappe, grapkeman, fan Sjoerd, biisfeint en domkop, fan
| |
| |
muoike Gel, dy't och sa goed gûle koe, omke Geart, heit, mem en alle oaren dy't my ferneare moasten. Ik wie in bern, tocht as in bern, die as in bern, teminsten foar juny '42, dêrnei waard alles oars.
|
|