| |
| |
| |
Fyfde stien
Nûmer fiif hinget my op 'e knibbels. De ierde skuort hjir hurder as op alle oare plakken ding en minske de djipte yn. Op de benaude richel tusken libben en dea balansearje ik, jongleur mei arguminten en tsjinstridichheden, akrobaat op ûnfertochte wegen.
Hoeden set ik myn fuotstappen tusken de hûnderten oaren, dêr't it begraafplak mei besiedde leit. Ik sjoch se stean yn it gers, dizige printen út in skier ferline. Sjoch nei de brede skuon fan de dragers, djip weisakke yn de seadde. Dêrtusken dy fan omkes, muoikes, oantrouden, nijsgjirrigen, mar ek dy fan bern. Bern dy't letter folwoeksen waarden. Of krigen se de kâns net, bruts de broazelige stâle fan har libben ôf, fier oer ús grinzen oant yn Poalen ta?
Ik moat fierder. Myn dagen hawwe ek har bêste tiid hân. Ik lis de fyfde stien by de oare fjouwer basaltblokken, in alter foar it fûl fleis út myn wûnen. Wêrom kin ik mar net ferjitte wat elkenien fergetten hat? It fielt sa frjemd te witten dat ik ien fan de lêsten bin, ien fan de lêsten dy't op 'e hichte is sûnder in boek nedich te hawwen. Bin ik net ferneamd om myn ûnthâld, lizze alle dingen net fêst, rubrisearre yn skema's, mei ferwizings nei oare tema's, foarsjoen fan fuotnoaten, fakentiids noch wiidweidiger as de ûnderwerpen sels? Hoe iensum te witten dat al dy minsken om my hinne gewoan trochlibje, sûnder op of om te sjen. Se steane te wachtsjen op de bus, stappe yn auto's, ride oer deselde wegen, wachtsje op deselde perrons, ride oer deselde rails sûnder ek mar in momint stil te stean. Diene se dat wol en harken se oandachtich, dan soene se krekt as ik stimmen hearre, de stimmen fan it ferline. Se soene net begripe wêr't it lûd weikomt. Komt it ûnder de strjitstiennen wei, tusken de naden troch, of út de gebouwen
| |
| |
om har hinne? Wa't eagen yn 'e holle hat, sjocht de skimen, hastich weidûkend achter de kleden foar it rút. Wa't de muoite net docht, sjocht yn it lichte opboljen fan it kleed net folle oars as de wyn.
Praat ik oer dy dingen, dan lûke se oan 'e skouders. Wat hawwe se dermei te krijen, se hawwe it fierste drok mei banen, relaasjes en smeekje my deroer op te hâlden. Myn praatmûle wit fan gjin ophâlden, raast it út, mar hâldt him stil. De wurden keatse werom, de stimbannen sjogge ferheard hoe't de letters werom rûgelje yn it rioel fan de luchtpiip.
Se sizze dat ik âld wurd, fierste âld en dat ik lykje op al dy oaren dy't krekt as ik foar't de ôftocht blaasd wurdt, noch even weromsjogge yn de tiid en der net mear fan loskomme.
De ferhalen droegje út. Wat oerbliuwt sil beskreaun stean yn boeken, ferslaggen, bestjurre op foto's, swartwyt, mar de kontrasten sille mei de jierren minder skerp wurde oant alles egaal griis is. Job, silst it miskien net begripe kinne, mar it measte is fergetten, en as ik der net mear bin, wa sil dan noch fan dy witte, fan dyn bestean, dyn wêzen?
Sjoch, de fyfde stien, ik lis him by de oare fjouwer. As ik der net mear bin, sille sy in ivich oantinken wêze, net allinnich foar dy, mar ek foar my en alle oaren dy't my leaf wiene.
| |
Ien
Wie it by ljochtskyndei al in toer de pleats en syn bewenners te observearjen, nachts wie dat sawat ûnmooglik. Ik besocht foar it sliepen sa lang as ik koe wekker te bliuwen. Dat koste net al te folle muoite, de ûnrêst yn myn holle wie dy simmer te heech oprûn. Unlijich raasden de gedachten yn dy stille oeren troch my hinne. De stoarm belune pas as de nacht foar myn gefoel al in moai ein op streek wie.
Om't myn sliepkeamer foar in diel tsjin 'e skieding tusken
| |
| |
skuorre en foarein oanset wie, siet der tusken Job en my net folle mear as in healstiens brânmuorre. No wie de boel wol wat betimmere, mar dochs hearde ik hoe't it oan de oare kant om en ta gie, ynearsten net folle mear as de lûden dy't alle sliepeleazen hearre, de lûden dy't elke nacht makket. Letter begûn ik de dingen dy't ik hearde te ynterpretearjen. Hear! It wrinzgjen fan in hynder, it âljen fan in ko, it slaan fan in doar! Hokker doar? Nei in skoftke wist ik it. Dêr klapte de doar fan it klompehok en dy kreakjende slach, dat wie de syddoar, it koe net misse, want dat ding heakke flak foar it tichtgean achter de drompel. Wa rûn dêr oer de skuorreed? Pake rûn lichter as heit, de froulju rûnen fakentiids net op klompen. Manlju en froulju hiene noait itselde doel. Heit seach altyd even oft alles op 'e skoattel siet, beppe prate tsjin de kat.
Ik learde ûnderskie te meitsjen en tusken al dy lûden sieten de sinjalen fan Job. It bonken fan syn stoel, it pisjen yn 'e pôt, it kreakjen fan it bêd, ik wist sekuer wat der barde oan de oare kant muorre. It iepenskowen fan de âlde bûtendoar hearde ik de lêste tiid faker en faker. Om't syn doar nei bûten ta draaide en de romte beheind wie, hie heit foar't er it hea oploege, de doar fêstset mei in balkje. Ik koe der maklik troch, mar Job moast wrotte om yn de heagong te slagjen. Dêrby wykte de doar in pear sintimeter en dat koe ik hearre.
Wat die Job dochs, as er midden yn 'e nacht it flokhok útkrûpte? Gie er even nei de hûn, dy't nachts yn 'e skuorre lei? Mar wêrom hearde ik dan de syddoar? Woe er him even fertraapje? Dat koe ik my wol yntinke, it wie net maklik de hiele dei opsletten te sitten. As ik hearde dat Job fuortgie, wachte ik krekt salang oant er werom wie. De iene kear duorre it in kertier, mar soms ek wol mear as in healoere. In ferklearring hie ik net, hoe't ik ek blêde yn de argiven fan myn ûnthâld, datearre gedachten kombinearre mei nije, konklúzjes luts en dy op elkoar steapele, ferbannen socht dy't der by einsluten dochs net blieken te wêzen.
Myn driuw te witten hoe djip it libben sân ûnder myn sykjende
| |
| |
fuotten wie, luts my derúk. Even siet ik op de râne fan it bêd. Soe ik dit wol dwaan? Ik die it. Fluch skeat ik yn 'e klean, sacht slûpslûpten myn fuotten by de trep del. De gongsdoar wurke mei en pipe net. Foar't ik it wist, stiene myn bûnzjend hert en ik yn it klompehok. Hoe moasten wy fierder? Stel, Job stie gewoan wat yn 'e skuorre. Of slimmer noch, hy siet op it klompehok rjocht boppe my, wat dan? It papierke mei ΕΛΛΑΣ soe hjir gjin útkomst biede, dy fraach koe ik oerdeis ek wol freegje. In brief fan muoike hie 'k ek net op foarried, oars hie dat wat west. Ik socht en socht yn myn list mei ferlechjes, mar ik fûn neat.
Doe't ik ta de skuorre yn teante, fielde ik my neaken, oerlevere en dat fielde net noflik. In skoft stie ik stil mei de rêch tsjin de koele doar oan. Troch de rook fan it hea hinne rûkte ik de hûnige lucht fan LeviStrauss, alles like gewoan. It iennichste ferskil, sa hold ik myn bang hert foar, wie dat it no tsjuster wie en sels dat foel wol ta. It fertsjusteringspapier siet net oeral like goed foar de skuorrútsjes, it bleke ljocht fan in fikse moanne dripte ta de pleats yn. De doar wie los, krekt as op de oare jûnen wie Job dus net mear yn 'e skuorre. Ik glûpte nei bûten ta, seach neat, die de klompen oan en rûn troch de skrouske nacht by de liguster lâns om fuort te dûken op Gibraltar. Nóch neat. Op it lêst stuts ik it hiem oer nei it hok ta en dêr wachte ik oant Job weromkaam. As er nei de feart wie, soe ik him hjir net sjen, mar om't ik net betinke koe wat er dêr moast, bleau ik yn it hok.
Dêr siet er, Jacob Nauta, hy wie de twa spionnen dy't der troch Jozua op útstjoerd wiene om de sterkte fan Jericho yn te skatten. Hy glimke doe't er himsels oan in read tou bongeljen seach om sa oan de wrede soldaten te ûntkommen. Straks soe er wol sjen hoe't er...
O nee! Mei in skok betocht ik dat Job de doar wer op 'e skoattel dwaan soe. Even siet ik ferlamme by de wurkbank, de moed skeat as in pak lead troch it ûnderliif hinne yn myn fuotten, dy't net mear fan it plak komme koene of wie it noch sa. Fluch loerde ik om it hoekje, mar it hiem lei der ferlitten by. Ik skeat by de
| |
| |
hage del en hime mysels nei binnen ta. Wat in gelok dat Job noch net werom wie! Stom dat ik sa'n flater makke, ik koe der net oer út. Soe ik net better gewoan wer op 'e koai, sa't Sjoerd altyd sei?
Nee, ik woe trochsette. Ditkear fûn ik in beskûl yn it hynstehok, dat dochs leech stie. It duorre hast in healoere foar't ik yn 'e gaten krige dat ik net allinnich wie. Eins wie it de hûn dy't my mei in koarte blaf opmerksum makke. Der rûn ien troch de skuorre! Sa stil, deastil siet ik tsjin it hynstesket oanplakt, ik doarst amper te sykheljen. Hoe wie er binnen kommen? Net troch de syddoar, want dêr hie ik it sicht op. De konklúzje kantele. Fansels, dan wie er troch de bûthúsdoar kommen, dat koe net oars. Mar wêrom wie de syddoar dan los? De skym fan Job rûn flak by my lâns hastich nei de trep en ma...
Nee! Hy gie net nei boppen ta, hy rûn ta de foarein yn! Ik dûkte wer yn elkoar. Myn ûnthâld herhelle de bylden dy't ik in pear tellen earder sjoen hie. Dit wie ûnmooglik! Job hearde net yn 'e hûs te wêzen, wat moast er dêr? Alhiel fan 'e mik kaam myn kâlde liif oerein. Koe ik wol yn 'e hûs? Strak kaam ik him noch tsjin en ferlechjes hie 'k net. Ferwezen gedachten kearden it brûken fan myn ferstân op.
Ik moast... Nee, it wie... Oars koe... Miskien wie it... Oan de oare kant...
Myn skytskoarjende fuotten skoden my de skuorreed op en ik wie al hast healwei doe't in metalich lûd my op skerp sette. It wie de klink fan de syddoar! Hoe't ik sa fluch yn it feilige hynstehok bedarre, wit ik noch net, mar it slagge. Kalm treau de freonlike moanne Job ta de skuorre yn, mei soarch die er mei flewielen hannen de doar wer ticht. De hûn jankere - fûler ditkear - en rûn mei stive poaten... Job? Mar dy wie der dochs al? In dûbele hûn, dus ek in dûbele Job? Hy prate sacht mei LeviStrauss en bêde it bist del. Doe slûpte er de trep op en ferdwûn achter de kast fan omke Geart. It lêste wat ik hearde wie it risseljen fan it hea doe't er it gat fan de heagong foltroppe.
| |
| |
Nei in skoftke doarst ik myn skûlplak te ferlitten. Doe't it feilige bêd einlings myn riboskjend liif omearme, wist ik net wêr't ik begjinne of ophâlde moast. De hiele film spile kear op kear troch de holle. Wat wie der sa wichtich dat Job der jûns op út gie? De nacht hie derfoar keazen my gjin antwurd te jaan. Sterker noch, der kaam in nije fraach boppe driuwen, in fraach dy't ik noch net earder steld hie.
Wêrom die heit itselde?
| |
Twa
As ik jûns nei de stjerren seach, seach ik de frijheid. Heech boppe de oarloch fleagen piloaten tusken Lytse en Grutte Bear, fan de heldere Poalstjer nei de moanne ta en se ferwûnderen har oer de dingen dy't minsken elkoar oandiene. It guodlike brommen fan de masines wie foar ús in fertroud lûd, in ûndertoan dy't ús witte liet dat oare tiden ûnderweis wiene.
Ik stelde my wolris foar dat iksels yn sa'n fleantúch siet en delseach op de stêd, de feart, de pleats. Hoe lyts en neatich soe alles derby stean. Heit, mem, muoike, pake en beppe, wêr wiene se dochs hieltyd mei dwaande? Wie Klaas Brechje thús of sneupte er om yn saken dy't him neat oangiene en wat friet Harm wer út? Wat elkenien oars út it sicht hold, soe ik dan sa maklik sjen kinne. Ik soe glimkje, ‘och-och’ sizze en dan fol gas jaan, ik hie ommers wol oare dingen oan 'e holle.
Soms stiene wy mei ús allen bûtendoar. Sjen wie net ferbean, ljocht meitsje wol. Alles wat ek mar in bytsje hope joech, moast ôfplakt wurde, oars wie it net bêst. En foar wa't it net leauwe woe, de teksten op de oanplakbiljetten lieten gjin twifel ta, wy moasten net miene dat al dy frijheid heech yn 'e loft goed foar ús wie:
Engelsche vliegers kennen geen genade voor vreedzame burgers! Daarom: Blijft in huis!
Mar wy diene dat net. Wy wiisden elkoar op de plakken oan it
| |
| |
firmamint dêr't de Alliearden de loft trochkliuwden en wy laken. It soe wol goed komme, it koe net drok genôch wêze. Lei op tsien graden easterlingte Hamburg net te wachtsjen om opkidele te wurden mei wat bommeguod? Koe Bremen op kaart tweintich fan de ‘Schoolatlas der gehele aarde’ oars net traktearre wurde op in eksplosive groetnis, wie Berlyn net in gaadlik doel?
‘Skande fan al dy minsken dy't dêr wenje,’ skodholle mem as wy wat al te fleurich waarden. Guon laken deroerhinne, mar by my bleau sa'n opmerking dochs hingjen. Mem hie fansels gelyk. Yn gedachten seach ik hoe't de huzen fan gewoane minsken út elkoar spatten, hoe't de flammen oplôgen en dat allegear om... Ja, wêrom eins? Wa soe by einsluten wat opsjitte mei dit hiele gedoch?
‘Gjinien wurdt der better fan, wy hiene it ommers goed?’ is ek sa'n keppeltsje wurden dat ik oant de dei fan hjoed ta ûntholden haw. De Dútske bazen yn de filla by it sûkerfabryk koene der oars mar min oer dat der safolle fleantugen op it easten oanfleagen. Se wiene der sa lilk oer dat se yn 'e stêd loftôfwar delsetten.
Alwer sa'n raar wurd dat gjinien koe, loftôfwar. Wa hie dat betocht, it wie sa'n ferkeard wurd - fûn ik - want oer sokke dingen tocht ik nei. Wat ôfwarre wie, dat wist ik mar al te goed. As Foppe Briltsje it op 'e heupen hie, dan wie it o sa handich syn klapfûsten in bytsje ôf te warren, of net soms? Mar wat warden dy idioate Dútsers ôf? De loft! Se hiene hinder fan de loft, gekker koe it dochs net? Mar it spul stie der, op it fuotbalfjild noch wol! Dat soe Abe net moai fine, tocht Harm, want dy hie wol wat doel oer sport. Ik wist fan neat, fuotbal wie foar minsken dy't net yn Jezus leauden, muoike Gel sei it en beppe knikte derby. As dy twa it iens wurde koene, soe it dan net sa wêze?
Neist de kanonnen stiene de antennes, lange fielers dêr't de loft mei ôflústere waard. Ik snapte dat net hielendal en earlik sein hie 'k net al te folle fidúsje yn de technyske kennis fan de soldaten dy't der mar wat by stiene te gnizen. Hoe koene minsken dy't in wurd as loftôfwar betocht hiene by steat wêze de loft ôf te
| |
| |
lústerjen? Sa gau't se wat mienden te hearren, poften de lopen der op los. Nachts wie dat in moai gesicht. Der wiene sterke lampen, dêr't se mei besochten de stjerren - seispuntich, útdaagjend - yn 't ljocht te setten. Bleke lykfingers befielden de loft, want hoe moai it ek like, wy wisten hiel goed dat it tinken wie. As in piloat net foarsichtich genôch fleach, koe it hiel ferkeard ôfrinne. Dan stiene de oare deis foto's yn de Courant, foto's mei haatlike teksten dy't gjinien graach lies.
Jûns seach ik nei de stjerren, ik seach dêr glimpkes fan frijheid. Tagelyk tocht ik oan Wibel, de iennichste piloat dy't yn de tiid dat ik yn Ingelum wenne, nei my swaaide en mei syn wjukken wibele as er oer my hinne fleach. Ik hope mar dat ek hy foarsichtich wie, stel je foar dat ien him rekke. Hy mocht dan wol in Dútser wêze, mar wat sei dat no?
‘Sokken hawwe ek in heit en in mem, moatst mar tinke,’ sei mem it net faker as ien kear? Se hie gelyk, it wie it bêste as it gewoan frede waard, gewoan troch ris goed mei-elkoar te praten. Soms like dy oplossing my sa ienfâldich ta, ik snapte net dat se dêr sels net op kamen.
| |
Trije
De oare deis lei ik it boekje oer John Bunyan werom yn it laadsje, de kaai fan de klep bedobbe ik ûnder de knopen op it begraafplak yn beppe har blombakje mei de leeljes. De foto woe ik bewarje. Sûnt ik him fûn, hiene myn gedachten net stilstien. Hoe kaam omke Geart oan in foto fan frou Skelting? Fansels wist ik it hiel goed wat it antwurd op dy fraach sizze soe, ik wie hast tolve! Achterop stiene mei potlead in pear wurdsjes, dy't alles seine wat der sein wurde koe. Guon minsken praten oeren sûnder wat te sizzen, ik tocht dêrby oan omke Jarich. By de letters saaide it ward ‘sierlik’ del yn de fivers fan myn tinken, it wiene de letters sa't in frou dy allinnich mar skriuwe koe. Sierlik, de letters floei- | |
| |
den hast oer it papier, mei elegante lutskes dy't krekt net ticht sieten.
Veel liefs,
M.
Ik tocht deroan dat omke de foto fan har krigen hie, dat hy fan har hold en sy fan him. Wannear hiene se elkoar moete? By har thús as de direkteur de bolwurken fan de stêd berûn, wylst er by elke stap syn stôk mei in sierlike es-bocht fia Mars en Jupiter presys njonken syn rjochterfoet sette? It koe bêst fansels, hoe faak wie omke net ‘op 'e sweef’, sa't beppe sei?
‘Noch even in slach troch de stêd,’ sei er dan. No wie it dúdlik dat dy slach net al te grut west hie, de Skeltings wennen sawat by ús yn 'e keamer.
Dochs hie ik der gjin aan fan hân. Hoe soe dat mei de oaren wêze? Wiene der mear as ik dy't wisten hoe't it siet mei omke en de frou fan de direkteur? Of wie elkenien op 'e hichte, útsein Jacob Nauta, dy't steefêst syn holle de ferkearde kant opdraaide? Fernuvere beseach ik de bylden oan de muorren fan myn ûnthâld. De ferrifele hannen besochten de minsken dêr't ik dei út dei yn mei libbe, op 'e nij te oarderjen. It byld dat ik hie fan frou Skelting wie identyk oan wat ik op de foto seach: in fine holle, freonlik glimkjende wangen mei oan ien kant in kûltsje, koart donker hier, donkere eagen. De lêste kear dat ik har seach wie op in waarme middei oare kant stêd. Hie ik net by har oer de flier west, hie ik net in skrift mei skippen krigen? Doe wie dat presintsje in ferrassing, no beseach ik it mei nije eagen. Yn myn ûnthâld hong ik har foto neist dy fan omke Geart. Tefreden die ik in stapke tebek. De feale plakken op it behang wiene amper te sjen, it like krekt of hiene dy twa altyd by elkoar heard.
De echte foto bewarre ik ûnder in dakpanne. It hok wie ien fan myn moaiste Geheime Plakken. It dak rûtste mei in bolbjirken jûchhei fan de balken ôf, sadat de lêste rige pannen oan de ach- | |
| |
terkant maklik te rikken wie. De bewarpanne korrespondearre mei myn leeftyd. Doe't ik acht wie, ferstoppe ik ûnder de achtste panne in fergrutgleske dat ik brûkte om papier mei troch te brânen. Dat wie ferbean en mem woe it gleske yn beslach nimme, mar ynienen wie ik it ‘kwyt’, wat it probleem op natuerlike wize oploste. De njoggende en de tsiende dakpanne hie ik noait brûkt, yn de earste oarlochsjierren wenne ik yn Ingelum. By de alfde pakte ik de tried wer op. Ditkear wie it net in fergrutgleske, mar in spul kaarten dat ik fan Sjoerd krige. Net dat mem it besit dêrfan ferbea, mar as se wist dat ik sa'n heidens spultsje hie, dan soe se it grif yn beslach nimme. Ut foarsoarch hie ik it pakje ûnder de alfde dakpanne dellein. De kommende winter soe ik it wol ophelje om yn it feilige flokhok te kaarten mei Harm, want dy wist hoe't it moast. De foto koe der moai by. Mei de tûme wipte ik de panne op...
‘Hé Dzjekkyboai...’
Myn holle knapte fyftich graden nei rjochts ta, de eagen registrearren. Dêr siet er, yn syn sneinske boesgroentsje, de strik foar en de mouwen opstrûpt. De skonken hie er oplutsen, de earmen om 'e knibbels hinne teard. Reek fan in sigaret kringele omheech en ferwaaide boppe it smelle jarresleatsje achter it hok.
‘Omke...?’
Laitsjend seach er my oan en hy knypeage.
‘Dat hiest net tocht, hin?’ en hy tikke wat jiske fan syn sigaret.
Hy prate sacht, ik koe him amper ferstean. Wie dit echt, of in grapke fan myn dreamen? It barde ommers wol faker dat...
‘Wêr komt omke ynienen wei?’
Mar hy hie my net ferstien, de fraachwurden twirren fuort mei de reek.
‘Wat hast dêr yn 'e hannen, Dzjekkyboai?’
‘In foto, omke wit wol...’
It foel my op dat er my net oanseach as er wat sei. Hy prate by my lâns, dêrtroch wist ik dat it net echt wêze koe. Dochs bleau ik stokstiif stean, ik woe it byld net kwytreitsje. Hy seach der goed
| |
| |
út, eins krekt sa't ik him ûntholden hie, blidens wâle fan ûnderen út omheech.
‘Bist foarsichtich mei dy foto, ik ha leaver net dat de oaren it witte. Dit bliuwt in geheim tusken dy en my, goed Jacob?’
Hy prate noch sachter, ik moast my opskerpje om him noch te hearren. Oan de manier dêr't er syn wurden op sei, wist ik dat er ûngerêst wie. It die my sear, fansels soe ik syn wâl ophâlde.
‘Fan my hearre se neat, hear omke, hielendal neat...’
Omke feroare yn in dizich silhûet, de lêste reek ferwaaide boppe it sleatsje neist it bitefjild. Ik lei de foto ûnder it pakje kaarten en liet de panne sakje. Fan my soe gjinien wat fernimme, dêr koe omke op tidigje.
| |
Fjouwer
Net altyd wie ik mysels. Dat kaam troch Evelyn, de dochter fan dûmny Schaap dy't by ús yn 'e klasse siet. Sûnt ik troch de poarte fan Eefke Plantinga's wide skonken fearn wie en wist hoe't famkes der fan ûnderen útseagen, boaze myn belangstelling foar famkes wakker oan. Dat moast ek wol, oars diene je net mei. Wat stelde in jonge, nee, wat stelde in man dy't gjin ferkearing hie, noch foar? Lytser as de lytste wjirm wie er, fuortkrûpe fan skamte moast er, hy wie net mear yn tel, koe byskreaun wurde yn It Grutte Ferjittersboek. Dan soene se my útskelle foar ‘Jacob- Bûkeman-Jacob-Hat-Gjin-Pileman’ en dat moast oan alle kanten en mei alle beskikbere middels tefoaren kommen wurde.
Ik hie dus ferkearing. Dochs wie it gjin leafde ûnder twang. By Harm wie dat oars. Dy hie mei Pytsje Pot, mar wa gie no mei Pytsje Pot. Se hie tosken as in âld hynder, sa bryk sieten dy yn 'e mûle en se wie grutter as Harm, dat wie dochs gjin gesicht? Noch net salang ferlyn fûnen alle jonges itselde fan Pytsje - en fral Harm, ik wie der wis fan - mar no hie er ferkearing mei har. Koe soks út frije wil? It wie hast net foar te stellen. Se seine dat
| |
| |
er ek mei har tute, se seine it wêr't er by stie. Oars hie er deryn batst, mar no waard er net iens lilk, hy glimke mar wat.
‘Dogge jim dat echt?’ frege myn ûnleauwige mûle, doe't wy tegearre oer de Turfkade rûnen.
‘Wat?’
‘No, tútsje...’
‘Och ja... hin?’
Hy seach my skean fansiden oan en lake mei skeve lippen. Foar my wie dat genôch, ik koe him langer as hjoed en juster.
‘Op it wang?’
‘Ek wol...’
‘Op'e ...mûle!?’
It lêste wurdsje skeat ferheard de loft yn, twirre oant de daksgoaten ta en stuitere werom nei de earen fan Harm. Hy knikte.
‘Echt?’
In skoftke rûn ik allinnich mei myn gedachten. Ik hie Evelyn noch noait in tút jûn, ik wie der noch net iens oan takaam har te fertellen fan ús ferkearing. Beide woe ik oars wol en dat fûn ik al hiel wat. In pear moanne ferlyn bestie se net iens, se hearde by de oare famkes, wie in dieltsje fan it gehiel. Ik fergelike har mei in wichter, in tuorrebout. Skoftenlang hie se der west, mar ik hie har net sjoen en ynienen, dêr wie se. Har briltsje stie sûnt dy ûntdekking in stik better as foarhinne, se seach my net mear dom oan - dat fûn ik oars - mar skrander, har manier fan rinnen wie net mear stom, mar grappich en al dy dingen, al dy dingen.
‘Do wolst mei Evelyn!’ stelde Harm fêst.
Ik krige in kaam, woe ik mei Evelyn? Dêr wist ik neat fan, wier net.
‘Hoesa...’
‘Oòò, doch mar net of bist ûnnoazel, ik haw it wol sjoen ...of doarst net?’
‘Mwa...’
‘Moatst har gewoan freegje, se wolle echt wol ferkearing hawwe, allegearre...’
| |
| |
‘Hoe hast dat dan dien?’
‘Gewoan, ik sei: wolst wol ferkearing en sy sei fan ja en dat wie it!’
Ik gie de lêste tiid mei nocht nei tsjerke. Evelyn siet foaroan mei har mem en twa broerkes. Ik hoegde net altyd mear by de oaren te sitten, al wie de kreake foar my allinnich noch ferbean. It kaam goed út dat de Nauta's gjin fêste plakken hiene, gjinien seach derfan op as ik yn 'e bank ferskynde, meastentiids mei Harm. By de doar soarge ik dat ik foarop rûn, dan koe ik it plak sa'n bytsje kieze en dat wie altyd in bank mei útsjoch op Evelyn. Se knikte wolris myn kant út en dan knikte ik werom. It wie Harm opfallen, sa kaam it grif dat er my beskuldige fan ferkearing!
In pear dagen letter rûn se op it Bolwurk, of better sein, draafde se op it Bolwurk, ik hie klauwen om har yn te heljen. Doe't ik neist har opdûkte, hime ik sûnder der fierder by nei te tinken fuortdaliks de fraach dy't Harm my foarsein hie.
‘Wi... hil je hoo... ook verke... hering?’
It gie krekt sa't Harm it al sein hie. Alle famkes wiene bliid as der in jonge wie dy't mei sa'n fraach oansetten kaam en wie ik net in fikse boeresoan, sa'n jonge woe elk famke wol hawwe. Beppe soe der wiis mei wêze as se hearde dat ik mei de dochter fan dûmny hie en mem soe noch raar opsjen, dat ik...
‘Goed,’ sei se of wie it in spul fan alle dagen, it kaam my suver wat oer it mad. Sei se dêr no samar fan ja, hiene myn earen dat goed heard of hoe siet dat? Wy rûnen noch in eintsje fierder, seine eins neat - alles wie op it lêst wol sein - oant se fan it Bolwurk ôf moast, it wie hast healwei seizen. Wy bleaune stean, beide wisten wy net wat wy hjirmei oan moasten. Soe se ferwachtsje dat ik har in tút joech no't wy offisjeel ferkearing hiene?
‘Nou, tot morgen dan!’
‘Ja, hoi!’ en ferromme gisele ik op hûs oan.
| |
| |
| |
Fiif
Bûtendoar en Job wiene twa dingen. Dat moast fral ek sa bliuwe - fûn ik - en dêrom hie ik it my yn 'e holle helle Job net langer te folgjen, mar foar him út te rinnen. Ik gie der blynwei fan út dat er nei it joadeplak ta gie. As er dan werom rûn, moast ik gewoan soargje dat ik earst thús wie, oars kaam ik der net mear yn. Heit sette ik mar op in sêft sin, dêr soe ik my letter de holle oer brekke. Wêrom't Job by myn nachtlike útstapkes op it foarste plak kaam, wit ik net mear. Ik tink dat de kombinaasje Job en bûtendoar gefaarlik foar ús allegear wie, net allinnich om't Job by it âlde folk hearde, mar ek om't De Gek ús opskipe hie mei it prachtige, mar ûnbekende begryp ‘Sperrzeit’, Alwer ferwurken myn earen in wurd, ik naam it op yn it hieltyd langere rychje loftôfwar, messesmiter, minefjild, mokkeltsje, neuke en offisjeel. De wrâld mocht danich fan slach wêze, foar de ûntjouwing fan myn wurdskat wiene it gouden jierren, hie net alles syn foar en tsjin?
Twa nachten nei myn earste reis troch it ryk fan de moanne sette ik myn bleate fuotten wer op it koele swilk. Oeren hie ik wachte, krekt salang oant elkenien op bêd lei: pake en beppe yn it bedstee tusken de gewoane en de moaie keamer, heit en mem yn it tuskenkeammerke en muoike Gel boppe. It wie in reis op de dolle rûs, ik wist ommers net oft Job myn foarbyld folgje soe. Op 'e nij ferliet ik it sinkende skip fan de fersakjende pleats, de skuorren waarden aloan langer en djipper, by it hynstehok koe ik de fingers deryn stekke. Ditkear hie de nacht de moanne en de stjerren net nedich, de wolken blyndoeken myn eagen. Kâld wie it net, it wie in soele nacht, de waarmte wyndere om myn bleate knibbels hinne. Suver op 'e taast socht ik in wei troch it gers neist de reed, it amper te ûnderskieden silhûet fan de kastanje op healwei wiisde de wei.
Under de beam seach ik omheech en besocht ik de tûken te tellen. Wie it net op de sechsde tûke dat ik by it grintsjen fan de
| |
| |
reed betocht dat pake lêst fan krimp hie, dat syn eagen skadiger waarden? Dy gedachte tilde myn tinken op en ik seach mysels yn 'e beam, wie der in feiliger plak? Ik die it fuortdaliks, it like sa'n goed idee, ik wie der sa grutsk op dat ik dat samar betocht. Dêr sette ik myn foet op de earste tûke, ik berûn de beam oant ik boppe oankaam. Al te noflik siet ik net - ik jou it earlik ta - mar oan de oare kant wie der genôch om my ôf te lieden. It betûfte bûtenear kaam no goed fan pas! Hoe sacht it lûdsje ek wie, it waard opfongen en determinearre. Ik hearde in auto - dat moasten wol Dútsers wêze, it oefenlantsje fan Berend Kúpke waard sûnt de fernielings bewekke troch in pear net al te slûge soldaten. Even letter klapte der earne achter it joadeplak in doar, de mannen wiene teplak. As Job werklik de moed hie dy kant út te gean, dan moast er wol ferhipte foarsichtich wêze, dat stie fêst. It bûteneach, dat earst noch heechhertich wegere mei te dwaan, begûn no ek aardichheid oan it gefal te krijen. Stadichoan seach ik m- me- mea- mear en noch mear as ik ferwachte. Sa út en troch kipe ik tusken de útsprate fingers fan de kastanjeblêden troch om te sjen oft der al immen oan kaam.
Lang hoegde ik net te wachtsjen. Ik siet noch gjin kertier yn 'e beam, of dêr kaam ien oansetten. Wie it Job? Ik wist it net, der wie ek gjin mooglikheid derachter te kommen, ik gie der mar fan út dat hy it wie. Hy rûn gewoan oer de reed, wat ik behoarlik stom fûn. De nidigens oer safolle ûnferstân wâle omheech en stuitere sawat oant de achtste tûke ta, wat miende er wol! No wie ik der ek wis fan dat it Job wie, heit soe dit wol oars oanpakke. Ien dy't sa sunich mei syn wurden omsprong, soe grif troch it gers rinne. Swijsum as in âlde muonts trêde er op it spoar oan. Wat wie er yn 'e goedichheid fan plan? Neat wist myn oars sa tûke ferstân te betinken. Soe ik mei of soe ik wachtsje oant er weromkaam? Myn nijsgjirrigens wûn it fan 'e twifel. Ik klattere foarsichtich nei ûnderen ta, seach foar de wissichheid noch even nei de pleats. Hie ik net fernommen dat der nachts folle mear op en om de pleats barde as dat ik foar mooglik hold? Fral de
| |
| |
gedachte dat heit der nachts ek in gewoante fan makke op 'e swalk te gean, sette it bûteneach op skerp.
Mar de kust like feilich te wêzen. Job wachte foar it spoar. Dêr hie er gelyk oan, want it wie dêr bytiden in drokte fan belang. Lju mei goede of ferkearde - mar krekt oan hokker kant je stiene - bedoelings mochten graach besykje de rails los te skroevjen of mear fan dy grappen. Om de safolle tiid rûnen in pear railwachters it trajekt ôf om soks foar te kommen. Ingelske piloaten mochten ek graach oer de trein. Wat wie der moaier sa'n rikjend gefal fan it spoar ôf te knallen? De soldaten diene dus alle war de boel goed yn 'e gaten te hâlden. Job wie op 'e hichte, it duorre wol fiif minuten foar't er wer yn beweging kaam. Hy draafde oer it spoar, ik wist net hoe fluch ik achter him oan moast, bang dat ik him kwytreitsje soe.
Mar ik hoegde der net oer yn te sitten, al gau hie ik him wer te pakken.
It wie sa't ik tocht, hy gie nei it begraafplak. It hie gjin doel te besykjen dêr ek hinne te gean, de kâns dat er my seach wie te grut. Ik wachte oan de kant fan de reed en krûpte heal om heal achter de reiden. Fan de soldaten by it oefenlân koest hjirwei net folle sjen, de muorre om it joadeplak benaam it sicht. It like my it bêste te wachtsjen oant ik him werom kommen seach, dan koe ik op 'e tiid fan ruten spylje.
Dochs kaam er my oer it mad. Hoe lang hie er dêr no west, wat hie er dien? In gebed sein, in tekst lêzen? Dy gedachte wie te gek foar wurden, binnen in pear tellen kaam er alwer werom. Ik skeat út 'e wâl wei, hie der net by stilstien dat myn útstapke misbeteare koe.
Wat die ik ferkeard, myn jachtich ferstân - oars sa'n swetshals - swijde. It fielde of brânden Jobs eagen troch it tsjuster hinne sa yn myn hazzerêch, ik sigesage oer it spoar op hûs oan en dûkte sawat ta de pleats yn. Ditkear wachte ik net yn it hynstehok, ik hie myn bekomst wol.
‘...En wat sil dit?’
| |
| |
Súntsjes sei mem de fjouwer wurden, hiel súntsjes. Dochs klapten se sûnder genede of ûntsach op myn tromfluezen, ik sakke hast troch de knibbels fan skrik. Mem stie op 'e gong, tusken de opstapkes nei de gewoane en de moaie keamer yn, mei de rêch tsjin de muorre oan.
‘...En wat sil dit?’
Wat ferwachte se fan my, ik wist neat en ik sei neat. Mei grutte eagen seach ik har ferbûke oan, ik stie mei lege hannen en in mûle fol tosken. Ik gniisde in bytsje ûnnoazel, wie dat net it bêste?
‘...En wat sil dit?’
No waard it dochs tiid en sis wat, it die der net ta wêr't it oer gie. Mar it hoegde al net mear, mem wonk mei har hân en lei de wiisfinger op 'e mûle, ik moast stil wêze. Ik rûn yn 't sok fan mem nei ús wenkeamer op east, se sette my op in stoel en naam sels in stoel rjocht foar my oer.
‘Wêr hasto west, Jacob?’
‘.. .Even nei bûten ta...’
‘Even?’
‘Ja...’
‘Wat is even by dy?’
‘Gewoan... even...’
‘Moai Jacob Nauta, no wol ik de wierheid graach hearre, t.o.e.m.a.r!’
Tredde kategory, alwer. Mar de wierheid, koe ik de wierheid wol sizze? As ik dat die, soe ik Job ferriede, en wist mem wol dat heit nachts ek op 'en paad wie?
‘Ik hearde de hûn en doe ha 'k mar even sjoen wat der wie, mem hat sels sein dat ik eagen en earen iepenhâlde moast, no mei Job op 'e pleats. Mar der wie neat en doe bin ik nei bûten ta gien en in eintsje de reed oprûn, mar ik seach neat en doe soe ik wer op bêd...’
Mem seach my in pear tellen oan, elke tel duorre in ivichheid.
‘Soa ...en dochsto dat wol faker?’
| |
| |
‘Ien kear, mem, echt wier...’
Wylst ik dy wurden sei, leaude ik myn eigen wierheid. Earbiedich bûgde ik de holle foardel, krekt as by it bidden, wie dat net in teken fan berou?
‘Ik.Wol.Net.Datsto.Dit.Oait.Wer.Dochst.Begrepen?’
‘Ja mem, ...nee mem...’
‘Dan moatst no mar nei boppen ta gean...’
Mem seach my ta de keamer út, ik sweve sawat by de trep op. Hie ik no liigd? Ik fûn fan net, want de dingen dy't ik sei, wiene echt sa gien. Der misten allinnich in pear stikjes, dochs waard myn wierheid gjin boufal. De konstruksje hold it, myn antwurden sieten stevich ferankere yn de muorren.
Ik lei op 'e rêch en it duorre nochal foar't ik fierder tinke koe. Wêrom hie mem allinnich op 'e gong stien? Wie heit soms wekker wurden, of wie er dizze nacht ek bûtendoar? Even skeat der in antwurd troch de loft, luts in ljochte baan oer it firmamint fan myn gedachten, mar foar't ik it bewarje koe yn myn ûnthâld, knipte de sliep it ljocht út.
| |
Seis
Job syn spoaren soene kâld wêze as ik deroan ta kaam myn fuotten yn syn printen te setten. Op de skoalleklok seurden de wizers wat om. By de twa stiene se in skoft te keuveljen om dan ôf te setten nei de trije. De grutte wie der al nei fiif minuten, mar de lytse hie wol in oere wurk. Ik besocht him mei myn eagen in bytsje op wei te helpen, mar it joech neat. Net nei de klok sjen wie better, sa skeat de tiid teminsten wat op. Doe't it dochs noch healwei fjouweren waard, woe ik op hûs oan, mar ho!, hie ik net ferkearing? Evelyn lei in hân op myn hastige earm en ek al siet dy earm fêst oan in noch hastiger liif, ik hie my del te jaan. De skonken smieten harsels om bar nei foaren ta, yn in tempo dat ús relaasje noch krekt ferneare koe.
| |
| |
‘Mag ik straks met je mee naar de boerderij?’ fregen har leave lippen.
Mei nei hûs ta? Mar dat koe net, blinder néé, dát koe net! Sels as Harm by ús boartsje woe, moast ik it earst sizze, dan koe derfoar soarge wurde dat Job oprêden wie. En dêr! De twadde reden wêrom't it better like op it Bolwurk ôfskie te nimmen: ús ferkearing wie noch net sa offisjeel dat ik it thús ferteld hie. Mem - sy wie de earste oan wa't ik tocht - wie der hielendal net op taret dat Jacob Nauta opdûkte wylst de dochter fan dûmny Schaap oan syn earm bongele. Sjoch! Dêr wie it tredde ferlechje ek al! De dochter fan de dûmny, dat soe neffens beppe grif boppe ús stân wêze. Wie it net better as wy ‘hege lju’ mijden? As stienkrobben yn it tsjuster kamen ferlechjes en optochte redenen iendrachtich foar it ljocht. Ik hoegde se allinnich noch mar op Evelyn ôf te stjoeren, dan wie it probleem oplost. Krekt op 'e tiid betocht ik dat it útrôljen fan de trije ferlechjes net in positive útwurking op ús leafde hawwe soe. Foar de miljoenste kear swijde ik en Evelyn Schaap snapte it net. As Harm my net begriep, dan joech ik him in skop, hy wie lytser as ik. Mar Evelyn wie sawat like grut en om har in wâd ûnder de kont te ferkeapjen, dat hearde net by ferkearing, ik hie der teminsten noait fan heard. Dochs lei de oplossing foar de greep. Ut myn djipste binnenste wei waard in sinjaal útstjoerd nei de spierkes om myn mûle hinne. Kalm gie ik lyk foar har oer stean, joech har myn earste tút, draaide my om, rôp fan ‘kan niet!’ en draafde fuort. Op tritich meter draaide ik my nochris heal om. De leafde fan myn libben stie stokstil tusken de hege iperenbeammen, se stuts in automatyske hân omheech en ik swaaide werom.
‘Wolst ek tee?’
Mem sette it kopke al foar my del sûnder it antwurd ôf te wachtsjen. De kjeld wie noch net fan 'e loft, dat hearde ik oan har manier fan praten. De toanhichte lei justjes leger, de mûle gie krekt fier genôch iepen om de wurdsjes troch te litten. Se frege
| |
| |
ek net hoe't it op skoalle wie, it ynteressearre har blykber net.
‘...Noch even oer justerjûn... It liket ús better datst de kommende tiid mar net tefolle fan it hiem komst... Dus fan 'e wike fuort út skoalle wei thúskomme, net nei Harm en Ale... Der is hjir genôch te dwaan, hoechst dy net te ferfelen...’
‘Mar ik...’
‘Hast mem wol heard?’
Tsjinakselje hie net folle doel, ik hie it bedoarn en ik wist it. Wat hie it ek stom west, ik hie grif te folle leven makke, it koe net oars. Hoe kaam ik no op it begraafplak, dat sa tichteby en dochs ynienen sa ûnberikber yn 'e lannen lei? Ik moast derhinne, it leafst noch hjoed en gjin mem soe my keare kinne.
De tocht begûn by de hûn. It bist siet al fol ferwachting klear op de âlde matte, sa't it altyd klear siet, in hûn woe boartsje, keet meitsje. Nei in skoftke betocht ik dat it hok in folgjende stap yn de goede rjochting wie. Mocht mem my yn 'e gaten hâlde, dan wie it miskien it bêste werom te gean nei it hinnehok op de súdeasthoeke fan de pleats. Sa koe se sjen dat Jacob Nauta in hearrich bern wie, ûndogense gedachten wiene him frjemd. De bisten kwòòòkten ferheard, mar dat diene se altyd. Ik sei de lêste tiid neat mear werom, ik wie hast tolve. Ik aktearre of ik betocht wat - dat die in bern dochs wol faker? - en draafde nei it jarresleatsje achter it hok om sabeare te sjen oft it boekje fan John Bunyan noch ûnder de bewarpanne lei. It lei der. Foar de wissichheid seach ik even om 'e hoeke, je wisten mar noait.
Achter it spoar wachte it joadeplak. Dêr dangele it ûnskuldige jonkje al om by it bitefjild, ôfwêzich lutsen syn fingers oan it útbloeide piipkrûd. Doe die er sabeare of seach er wat tusken de reiden, hy ûntduts in pear stjonksigaren, dy't fergees besochten wei te dûken. De trein pofte by it stasjon wei, in aliby nei it spoar ta te draven. Hy stuts de hân op nei de masinist en doe't de lêste wagon foarby wie, skeat Jacob Nauta ûnder de waaireek troch nei de oare kant ta, draafde in stikje by de âlde trambaan lâns en wie binnen in pear tellen op it begraafplak. Even seach ik
| |
| |
oer de râne fan de muorre. It oefenplak by de Tsjommerfeart wie leech, oan de spoarkant wie gjinien te bespeuren. Dêr stie ik dan en ik frege my ôf wat ik hjir eins die. Job wie fannacht sa flot, it like wol of hie er de muorre oantikke om dan sa fluch mooglik werom te wêzen. De stiennen swijden my ta, de joadeletters nokkeren, sy wisten wat ik net wist en wiene net fan doel ek mar ien wurd te ferklappen. In pear kear rûn ik op en del troch it te lange gers. Yn oare jierren meande Busse it plak geregeldwei, mar se seine dat er dermei ophâlden wie. Oaren hiene it deroer, hy siet op in pleats achter Doanjum, hy fertroude it net mear. De Gek wie net allinnich sljocht op fytsen, mar ek op Joaden. Busse wie in Joad, frjemd dat wy dat no pas gewaar waarden, it wie sa logysk.
Teloarsteld rûn ik noch ienkear by de sarken lâns. De bûtenste rige oan de westkant stie sawat tsjin de muorre oan, koest der prachtich besideboartsje. Achter de twadde stien by de yngong wei fûnen myn eagen wat. Krekt as by ljipaaien rûn myn liif gewoan troch, oant it byld trochjûn wie oan de stomme harsens. Dy ferwurken it, rôpen fan ‘ho, wat wie dat?’ en doe pas kearden myn fuotten.
Der lei in bakstien. It like krekt of wie er út it ferbân wei fallen, wat - doe't ik better seach - ek sa wie, in meter fierderop misten der in pear. Ik pakte him op, ik wit noch altyd net wêrom. It wie sa stadichoan in gewoante wurden oeral wat achter te sykjen, ûnder elke stien te sjen. Ynienen lei der in briefke, samar op it platte gers en ik lei der op 'e knibbels by. Fluch tearden betûfte fingers it iepen, hoe faak hiene se soks net by de ein? De wurden leine hast plat foaroer op de rigels, se hiene yn 'e wyn en fytsten der manmachtich yn op. Of se dûkten fuort, dat koe ek fansels. Ik seach in stikmannich dingen tagelyk, ik moast opsjitte, ik hie tefolle memmen en allegear beloerden se my út alle wynstreken wei. It wie net in briefke fan Job, dat koe ik sa wol sjen. Syn letterkes wiene rûn, rollebollen oer it papier. Dit wie in hiel oar, hast ûnlêsber hânskrift. It wie in koarte brief, der wie net folle te
| |
| |
sizzen, sels nammen stiene der net op. Dochs lei it ûnnoazele papierke as in bom yn myn triljende hannen. Dat kaam fan de taal dêr't de wurden mei beklaaid wiene. Ik besocht te lêzen wêr't it oer gie, mar it woe net, de wurden wiene te Dútsk foar myn Fryske eagen. Allinnich de wurden boppe-oan ha 'k ûntholden, fierder wie it net te begripen, wat ik ek besocht. It briefke wie al healwei de bûse, doe't ik it dochs mar werom lei, ik koe net langer bliuwe.
Sa te sjen wie der gjinien achterhûs. Fluch draafde ik oer it spoar, even letter lei ik op 'e bûk tusken de biten. Nei in pear tellen siet ik by de sleat en herhelle ik it ritueel dat ik op de hinnereis ek al útfierde, no yn omkearde folchoarder. It gie automatysk, myn gedachten brutsen de holle. Ien ding hie 'k samar foar it ferstân. De ûnbekende ôfstjoerder moast wol ien fan de bewenners fan it sûkerfabryk wêze, dat koe net oars. Mar wannear, wêrom, hoe, wat?
Wa soe...
‘Jacob, komhjir!’
Hoe lang hie mem dêr by it jarresleatsje neist it hok stien? Ek dat wist ik net. Wol dat ik gewoan dwaan moast, siet ik hjir net faker? Kalm kaam ik oerein en rûn sa ûnskuldich as mar mooglik wie op mem oan.
‘Wat hie 'k dy sein?’ biet se my ta.
In antwurd joech ik net, se rûn mei nidige stappen om it hok hinne it hiem op.
‘En... wêr hast him opdûkele?’ frege beppe doe't ik oan tafel siet.
‘Achter it hok, by it bitefjild...,’ sei mem.
Muoike nokkere.
‘Dy jonge sit altyd earne achter, of net Jacob?’
Ik hold my stil, it wiene stimmen op de achtergrûn. Ik tocht mar oan ien ding en dat wie it papierke dat ik fûn ûnder in stien op it joadeplak. Ien fraach stuts boppe alle oare út. Wêrom skreau immen - in soldaat? - briefkes oan Job, deselde Job dy't
| |
| |
ienris by ús it hiem oprûn om in skûlplak foar himsels en foar syn hûn te sykjen? Koe der wat ferkeards, wat gefaarliks achter stekke? Ik tocht it net, boppe-oan stie ommers ‘Lieber Freund’ en dat stie der dochs net samar?
| |
Sân
De stim fan de frijheid fleach op hege wjukken. Op kaart trijeëntweintich fan de ‘Schoolatlas der gehele aarde’ siet yn 'e hoeke in ynsetkaartsje fan Londen. Hjir swalke ik troch Regents Park, troch de strjitten by de Theems, ik stie op de Tower - ‘Is dat in hege toer, pake?’ - socht de stjerrewacht fan Greenwich, dêr't master oer fertelde. Earne yn dy fiere stêd siet Willemyn achter de mikrofoan en sei fan ‘Landgenoten!’ It wurd waard mei in elektrike skok nei in baas antenne stjoerd en dy swypke it oer de mûning fan de Theems hinne yn 'e rjochting fan ús lân. It gisele oer de Noardsee, heech oer de dunen op kaart fjirtjin. By de Ofslútdyk lake it de soldaten út dy't om 'e nocht besochten it op te kearen, twirre boartlik oer Wûns en Surch op kaart trettjin, sakke mei in steile bocht Fryslân fierder yn, sadat de lûdsprekker fan ús radio it neisizze koe: ‘Landgenoten!’
‘Dat kloppet net,’ sei muoike droech.
‘Wat net?’
‘Dat fan dy landgenoten, dat kloppet net!’
‘Wêrom net?’
‘Sy wennet yn Ingelân, wy sitte hjir!’ en har rûne briltsje knikte ynstimmend mei. Beppe ek, sa wie it.
‘Willemyn hie better net fuortgean kind, wy binne op 't lêst ek bleaun!’
‘Wat hie se hjir dan dwaan moatten, se hie gjin skyn fan kâns en sa kin se noch wat betsjutte!’ fûn mem, dy't omraak fan de keninginne hold. Der kaam in dei, dan koe de flagge, ús eigen flagge, wer fan 'e toer wapperje, elk dreamde derfan. Heit wie it
| |
| |
ditkear mei mem iens en net mei beppe, hy wie ek op de hân fan Willemyn. De Gek net, dy hie in ôfgryslike hekel oan de majesteit. Sa gau't se wat sei oer de radio, begûn er dertrochhinne te brommen. Muoike hie heard dat er dat lûd der mei de antennes fan de loftôfwar op it fuotbalfjild trochhinne smiet, mar heit tocht dat dy antennes net twa dingen tagelyk koene. Der moast ommers ek lústere warde nei de Alliearde fleantugen en dy makken my dochs in stik leven! Dat like my in logyske konklúzje en ik keas heit syn kant. Sa wie heit it iens mei mem, ik mei heit en dat kloppe fear myn gefoel op in seldsume manier.
Allegear wiene wy grutsk op ús radio. It ding stie te glânzgjen op it buro yn 'e gewoane keamer. It wie in Telefunken en pake, dy't him oantúgde, koe der net faak genôch op wize dat de lûdsprekker ynboud wie. Hiel bysûnder, want omke Jarich hie in losse lûdsprekker en dat wie fansels ôfgryslik út 'e tiid.
Om't ik achter it skriuwburo In Geheim Plak hie, koe ik de útstjoerings net allinnich hearre, mar ek sjen en sels rûke. De achterkant bestie út in soarte fan karton, achter de gatsjes wenne in heimsinnich ferljochte stêd. Stoffige triedden yn alle kleuren, skroeven en boutsjes riisden op út it tsjuster yn it gielige ljocht fan de lampen. It wie in stille wrâld, dêr't ik noait it nocht ôf hie. Yn myn ferbylding wenne ik dêryn, swalke troch strjitten en steechjes, dy't ik ûntduts yn it binnenste fan de radio. As it apparaat in skoftke spile, begûnen de lampen te rûken. It wie in wat swiete, brânerige lucht, sa sterk dat er oant de dei fan hjoed ta yn it ûnthâld fan myn noas sit.
‘Landgenoten!’
It wurd krige in magyske klank as it út de ynboude lûdsprekker weirûgele. De útstjoering waard troch elkenien mei grutte oandacht folge. Rûngear, de stuollen om it buro, de earen op stokjes, sa sieten de Nauta's foar it apparaat. Jacob Nauta net, hy siet der achter.
‘Soest dêr net weikomme?’ fûtere mem.
‘Lit dy jonge...,’ sei muoike, ‘as er dêr no leaver sit...’
| |
| |
‘Sssst,’ sistere beppe, ‘ik hear der sa neat fan...’
Wa koe witte dat wy binnen it jier ús prachtich apparaat ynleverje moasten? De Gek woe alle radio's hawwe, dan hoegde er net mear troch it boadskip fan de keninginne hinne te brommen. Mem wie breinroer en dat wie se oars net gau.
‘Wat mient dy fint wol, dy radio is fan ús...’
Beppe wie poer, al hie har lilkens mear in ekonomyske grûnslach: ‘Skande fan it skoandere jild, wat hat dat ding net koste...’
‘Landgenoten!’
It wurd dindere my noch jierren troch de holle. Alle kearen as ik it hearde, lôgen djip yn it yngewant fan de Telefunken de freugdefjoeren op. De swevelige lucht kundige it kommen oan fan de majesteit, dy't ienris de see oerstekke soe om ús te befrijen út 'e izeren besnijing fan de oarloch.
| |
De ljedder
Hy is der hast, strak stiet er yn it griene gers. It waar is moai genôch, Jacob hat der gjin each foar. Ienris, yn in al lang ferfleine ieu, sprong er it lêste eintsje, no hâldt er yn. Oer 't skouder sjocht er de stiennen lizzen, se draaie stadich yn 'e rûnte, earder driigjend, earder driigjend. Syn fuotten bestjurje op de twadde trieme en hy wit net oft er noch fierder kin.
It liket of tilt it begraafplak fan de minsken. Sa rom is it hjir net, de sarken krûpe ticht tsjin elkoar oan. De trije manlju binne nei de hoeke ta rûn dêr't Ella oan it wurk is, mar hieltyd sjogge se syn kant út. Is it om't er hjir mei bleate kop omstapt? Ella is opholden mei de letters, it pinsieltsje hinget wurkleas yn 'e loft. Se praat, wiist, meneuvelet, faget it hier út 'e eagen wei en beäntwurdet fragen. Om de pear sinnen draaie se de hollen syn kant út en stoarje him oan. De grutste, in langliddige jonge mei read hier dat al aardich tinner wurdt, stiet it
| |
| |
tichtst by Ella. Ien hân hat er yn 'e bûse. De middelste is in slachje lytser, in donker type, mar gjin kleurling. It is fan dizze ôfstân net goed te sjen. De achterste fan de trije - tagelyk de lytste - sjocht faker as de oaren. Hy docht in stapke tebek, sadat er tusken de sarken troch sjen kin wat Jacob dêr útheeft. Mei driftige bewegings slacht er syn stim by elk wurd dat er seit in fraksje heger oer it praat fan Ella hinne. Sa gau't de maat fol is, draait er him om en marsjeart op Jacob ta, de oaren folgje. Ella set hastich it pinsiel yn it potsje en draaft der achteraan, mar se is te let.
‘Dit kin echt net, hear, echt net,’ en de lytse skodhollet mispriizjend, wylst er op de stiennen wiist. Hy bliuwt op twa meter stean, de beskuldigjende wiisfinger wit fan gjin ophâlden.
Jacob besiket kalm te bliuwen. Hy tsjoent in glimkjend gesicht út 'e mouwe en stekt syn hân út.
‘Jacob Nauta,’ seit er, sa weardich as er mar kin. Ferbjustere pakt de lytse de útstutsen hân beet: ‘Eelke Vlagsma...’
Dan rikt de middelste in hân om syn maat hinne.
‘Solomon... Solomon Samuels...’
‘...Solo, sizze de measten...,’ heakket Ella, dy't ûnderwilens de oansluting fûn hat, deroanta.
De grutste fan it stel stiet al in skoftke klear, mar krijt no pas de kâns.
‘En ik bin Biem...’
De knikkert op de meagere kiel stuitet op en del, Jacob hat muoite de eagen derby wei te hâlden. It gesicht fan de jonge tilt fan de skeinspruten, sa't je it wol faker by rossige minsken sjogge. Mei trage bewegings stapt Biem tebek, hy hat syn sechje dien. Dêrmei jout er, sûnder it wierskynlik te wollen, de lytse in kâns de tried op te pakken, mar Jacob is him foar.
‘Sitte jim allegearre op de VU?’
‘Hy net,’ wiist Ella nei Solomon, ‘mar wy wol...’
‘Wat dochsto dan?’
‘Ik wurkje by Shell, yn myn frije tiid doch ik ditsoarte fan din- | |
| |
gen. Ik bin lid fan in joadske organisaasje dy't in bytsje tafersjoch hâldt op restauraasjes en sa, dêrom hâld ik dizze trije kristenen wat yn 'e stokken...’
Hy gniist útdaagjend, Ella jout him in freonlike dúst yn 'e side.
Dan wurdt er earnstich.
‘...Mar no hjiroer...’ en hy wiist nei de stiennen, ‘ik bin it earlik sein wol mei Eelke iens. Wat jo hjir dogge, kin eins net, mar dat sille josels ek wol begripe. Ella sei dat hjir op dit lege plak in bekende fan jo begroeven leit?’
‘In ûnderdûker ja...’
‘Joad?’
‘Hielendal!’
‘Hoe hiet er?’
‘Job... Job Wassermann mei dûbeld s en dûbeld n...’
‘Klinkt as in Dútske namme, as jo it my freegje...’
‘Job wie ek in Dútser, mar al foar '40 moat er al yn Nederlân wenne hawwe. Yn '42 siet er by ús op de pleats oan de oare kant fan it spoar...,’ wiist Jacob nei it fabryk. Trije hollen draaie mei, hy hat har oandacht. Jacob betrapet himsels derop dat er him rjochtet op de middelste fan de trije manlju. Komt it om't dy jonge stiet foar it âlde folk of is it wat oars? Ynstinktyf fielt er dat er, as er syn missy ôfmeitsje wol, Solomon foar him winne moat, oars kin er it ferjitte. De lange mei it reade hier liket him in knaap ta dy't alles wol bêst fynt, in aardige fint sa te sjen. Wat ôfwêzich stiet Biem achteroan in sjekje te draaien, bedachtsum lit er it puntsje fan syn tonge oer it floeike glydzje om dan mei platte hannen de bûsen ôfte sykjen om fjoer. Solomon rint om de fiif basaltblokken hinne, taksearret de situaasje.
‘Jo wolle sa te sizzen in monumint oprjochtsje foar dizze Job?’
‘Nee, in monumint soe ik it net neame wolle, it is mear dat ik in punt sette wol...’
‘Nauta hat der ek in ferhaal oer skreaun...’
Ella sjocht him oanmoedigjend oan. Jacob betinkt dat er gelok
| |
| |
hân hat har hjir allinnich te treffen, oars hie dit noch wolris in hiel probleem wurde kind.
‘Earlik sein wie 'k fan doel it by in ferhaal te litten, mar op de ien of oare manier like it my sinfol ta myn moaie wurden yn praktyk te bringen. Ik ha der noait by stilstien dat hjir noch wat wêze soe dat de muoite wurdich wie. Ik wie yn '42 noch mar in bern en doe wie it al wat in rommeltsje. Ik tocht dat dy sân stiennen fan my gjin kwea koene, snappe jim wol?’
‘...Sân? ... En dan komme jo oer út Itaalje, is alles restaurearre...’
‘Oh, hat Ella jim dat ferteld? ...Presys, dat hie 'k hielendal net ferwachte. 'k Hie ek net tocht dat hjir minsken wêze soene en doe siet sy hjir. No komme jim oansetten, ik bliuw oan it omskeakeljen...’
Biem lit him op 'e grûn sakje, skeukt mei de rêch tsjin de muorre oan en jout him del mei syn sigaretsje.
‘Nijsgjirrich, sa'n ferhaal fan alearen, bin ik gek op’ seit er, wylst er syn plakje ôffredet mei in searje reeksinjalen. ‘As it oan my leit, dan jouwe wy ús hjir lekker del, ik soe graach wat mear hearre wolle oer dyjob, as jo it teminsten oan tiid hawwe...’
‘Ja graach, ik moat dochs even bekomme fan dy stien...’
Daliks giet Jacob neist Biem sitten, tankber foar de kâns.
Se sitte mei syn fjouweren yn in rûntsje. Biem en Jacob tsjin de súdmuorre, Ella en Solomon op de ferhege sydkant fan it paad yn it gers, Eelke stiet noch op it paad.
‘Jo moatte wol sljocht mei dy Job west hawwe, dat jo nei in heale ieu dizze reis meitsje om him te betinken. Hiel prachtich, soks, hiel prachtich...’
Jacob sjocht Solo oan. It is krekt of is er even fan 'e wrâld, hy moat syn bêst dwaan de boel op in rychje te krijen, oars ûntsteane der misferstannen en dat wol er net. Earlik spul wol er spylje, hy is te âld om grappen te meitsjen.
‘Sljocht mei Job... ja, ik wit net oft dat it is, sljocht mei... Sjoch, as bern mocht ik net tefolle mei Job omgean. Wat minder
| |
| |
ik wist, wat better. Mar hoe giet dat. Komst dochs wat meielkoar yn 'e kunde, wennest op 't lêst ûnder deselde pannen. Je prate ris wat, ik wie in bern, dus ik woe alles witte. Hy fertelde wêr't er weikaam, wy hiene in atlas en hy wiisde dan de plakken oan. Letter begûnen wy wat te damjen, wy songen wolris wat. Mar Job wie ek in minske, dus net allinnich mar aardich. Soms heefde er wolris wat út en dat snapte ik net sa goed, dan die er dingen dy't ik net fan him ferwachte...’
‘...Zoals...,’ dirigearret Biem der in wurdsje tusken mei syn sigaret.
‘Sa as... No ja, ...lit mar, in bytsje te privee, snapst wol? Nee, wier net, ik mei ek wol wat foar mysels hâlde, dat moatte jim my mar net oanrekkenje. ...Goed, ik wist dus bytiden net wat ik oan him hie en it waard hieltyd slimmer...Earlik sein, mei Job op 'e pleats waard der fan alles oer de kop helle...’
‘As dy Job dan ek minder aardige kanten hie, dan begryp ik net rjocht wêrom't er mei in fracht stiennen betocht wurde moat... Noch in hiele klus ek...’
Jacob suchtet. Solomon hat gelyk, wêrom docht er dit eins?
‘Sjoch, in bern hie it yn dy tiid net maklik. Tsjintwurdich wurdt alles mei bern oerlein. Watfoar stereo, wêr sille wy hinne op fakânsje, wolst noch wol nei skoalle ta, in bern moat it earst oeral mei iens wêze, oars giet it feest gewoan net troch. Mar doe lei dat even oars, ik bin net om 'e nocht santich! Safolle waard der net besprutsen, dat diene âlden net en it wie ek noch oarloch. Achterôf snap ik wol dat se it bêste mei my foar hiene, se woene my net beluke yn har soargen, mar it hat werklik jierren duorre foar't ik dat begriep. Ik wie ek net in noflik bern, tink ik wolris. Oeral socht ik wat achter, elk wurd kearde ik om, miskien hie der wat mear fertrouwen fan myn kant wêze moatten, mar ja, sa giet it meastal, it heart derby...’
De wurden stykje yn 'e stilte, elk hat eigen gedachten, set eigen oantinkens neist dy fan Jacob. Sels Eelke fielt de situaasje
| |
| |
oan. In eintsje fierderop giet er tsjin in sark oan sitten, doelleas tyspelet er mei de fingers troch it gers.
‘Jo slute dus eins mear in tiid ôf om it samar te sizzen,’ seit Biem mear foar himsels as foar de oaren.
‘Krekt, sa is it, it like my in moai slot ta. Sjoch, soks komt ek net yn ien kear op, it is pas fan de lêste jierren...’
‘Dat hearst faker,’ seit Solomon, ‘yn myn famylje sjochst it ek wol. Frai ús heit hie it der dreech mei, sawat de hiele famylje kwytrekke, mar noait wat fernimme litten. En doe't er mei pensjoen gie, páts, mis wie it! Alles kaam wer boppe, oant de dei fan syn dea ta is er dermei dwaande bleaun. Jo ferhaal komt my bekend foar, dus...’
‘.. .Dus betocht ik in pear jier ferlyn dat ik alles mar opskriuwe moast. En in skoftke ferlyn krige ik it wer op 'e heupen. Ynienen woe ik mei alle geweld besykje de famylje fan Job werom te finen.’
‘Hoe kaam Nauta dêr sa by?’
‘Troch myn hospita. In aardich minske, se komt út Noard-Itaalje, dat ik kin Dútsk mei har prate en doe't wy it der sa oer hiene, frege se oft ik wolris besocht hie wat mear oer Job te witten te kommen. No, dêr hie ik wolris oer tocht, mar dea is dea om it mar ûnearbiedich te sizzen en dêrom hie 'k der noait echt mei dwaande west. Ik tink dat ik soks ûnbewust net woe... Om dan no nochris mei soks út ein te setten, like my neat, dat wie myn earste reaksje. Mar wat langer ik deroer neitocht, wat mear it begûn te jûkjen. Dat op in dei bin ik ôfset nei de Heimat...’
Hy betrape himsels derop dat er siet te fluitsjen. Foar it earst yn lange tiid rûkte de Citroën wer ris asfalt, it ding hie in pear jier yn it hok stien. Yn Livorno fan er nei lang sykjen in bedriuw dat doel hie oer Frânske klassikers. Mei soarch wie de HY neisjoen en it moast sein, hy rûn as it spoar. Tefreden seach er om him hinne. It reinde dat it miigde, de rutewiskers hiene klauwen om it
| |
| |
wetter ôf te fieren en hy besleat de lampen oan te dwaan.
Hy hie der wolris faker oer tocht wat ûndersyk te dwaan nei Job of syn famylje, mar hy wie noch jong, it is der noait fan kaam. By it skriuwen fan syn ferhaal, hy wie seisenfyftich, kaam de gedachte nochris opsetten, sterker ditkear. It gefolch wie in brief nei de befolkingsadministraasje fan Hilversum. Al gau kaam it antwurd en it wie net oars as dat er ferwachte. Nee, tusken '35 en '42 hat der net in persoan ûnder de namme Job Wassermann yn de gemeente tahâlden en oft er mar sa freonlik wêze woe ‘de verschuldigde leges en administratiekosten’ binnen fjirtjin dagen oer te meitsjen. Miskien hie er doe trochsette moatten, mar it bleau derby.
Letter, doe't er al yn Itaalje wenne, feroare der wat. Op in jûn siet er mei Andrea op it terras fan har pensjon. Se sieten wat noflik te praten, doe't er ynienen de namme fan Job falle liet. Se frege der wat op troch en foar't er it wist, lei er in stikje fan syn ferline bleat. De folgjende dei begûn se der wer oer. Se frege wêrom't er noait besocht hat de famylje fan Job te finen, of wat mear út te sykjen oer syn achtergrûn. Syn antwurd oertsjûge har net, earlik sein lake se him derom út.
‘Moatst net sa skiterich wêze,’ gnyske se achter har glês bier wei, ‘es ist nie zu spät die Geschichte zu korrigieren!’
It wie de lêste triuw, hy kipere oer de râne hinne en foel op de autokaart omheech nei Aken ta. Sels it adres wist er nei al dy jierren noch feilleas op te leppeljen. Foar Jacob neat bysûnders, Job hie de strjitte wolris opskreaun. Sokke wurden ûnthold er, hat er net altyd beppe har taalmantsje west? Doe't er de Alpen oer wie, ferliet er de snelwei: in antike auto mei in bestjoerder op jierren heart oer provinsjale wegen te riden. Ut en troch stuts er oan, de tiid hie him al lang net mear yn 'e besnijing. It tempo sakke noch fierder doe't er yn 'e buert fan Aken kaam. As er strak de stêd ynride soe, wat moast er dan? In plan wie der net, de dolle rûs twirre al tiden om yn syn âlde kop. Der wiene tefolle mooglikheden en dêrtroch te min. Lang om let sette er de HY op in par- | |
| |
kearplak tichtby it sintrum, in skoftke siet er achter it stjoer te prakkesearjen hoe't er no fierder moast.
It like him de baas en sykje earst mar ris in stedsplattegrûn op, dan hie er teminsten in doel. It duorre even foar't er fûn wat er socht, it duorre in skoft foar't er de grimelige letterkes fan de Elisabethstrasse ûntduts. Dat foel ta, it adres bestie yn alle gefallen en dat wie al hiel wat. In pear kear fersinde er him, mar nei in kertierke stie er dan dochs yn de strjitte dy't Job ienris neamde. De boekhannel wie der net mear, dat soe al te tafallich wêze. Jacob rûn in pear kear op en del, beseach de gebouwen en kuiere doe werom nei de Dom. De folgjende stap wie it telefoanboek, it koe ommers wêze dat de namme noch foarkaam. Op it postkantoar wie er gau útblêde. De famylje Wassermann hat de stêd, wierskynlik op oantrún fan De Gek, ferlitten. Hoe soe it ek oars, sei syn ferstân minachtsjend, wa't op wûnders tidiget, pakt de bibel mar. Hy rûn werom nei de plattegrûn, it waard tiid foar stap trije. It argyf wie tichterby as dat er tocht. It Stadtarchiv spruts him ta troch it gesicht fan in frommeske dat har ferskûle achter in mânske, ikehouten baalje. Se hie har ûnderlippe wat te breed yn 'e lippestift set, sadat it like oft har mûle ûnder it praten ôfsakke. Fassinearre seach Jacob hoe't de wurden har as bûltsjes losweakken en hy gie der sa yn op dat er earst net ferstie wat se sei. Doe't se har foaroer bûgde om it antwurd op syn fraach te herheljen, wyndere de yrritaasje troch de koele hal.
Nee, hy moast hjir net wêze, dit is it Stadtarchiv!, persoansgegevens wurde op oare plakken bewarre en - Nicht Hier, Nicht Hier! - hjir net. De hege romte imitearre har feninige stim, mar se like der gjin erch yn te hawwen. Pas doe't Jacob de kaart fan de ûnwittende bûtenlanner útspile, waard se mylder. O, wêrom sei er dat dan daalks net, no begrypt se wêrom't er sokke gewoane dingen net wit, Entschuldigung, Entschuldigung! Se sette de geheime wrâld fan ynformaasje en handige tips no wagewiid iepen. Earst woe se witte oft er miskien famylje wie fan de
| |
| |
betreffende persoan. Nee? Dan waard it sykjen in probleem, om net te sizzen unmöglich:
‘In Deutschland gibt 's ein Datenschutz für Personenstandsdaten ab 1875!’
Even joech se him de tiid it fonnis oer te setten en te ferwurkjen, mar Jacob waard der net oars fan. Hat er net altyd tsjinslaggen ombûgd yn nije oansetten? As it net mooglik wie sokke gegevens yn te sjen, hoe moast er dán in finger achter it bestean fan Job krije? Letter siet er yn 'e lêsseal ûnder ien fan de hege ruten te sykjen yn in âld adresboek út 1935. De nammen dûnsen foar syn eagen op en del as toudûnsers op it strakke tou, mar de Wassermänner hiene gjin boekhannel yn de Elisabethstrasse. Foar de wissichheid socht er troch yn boeken út oare jierren, mar it resultaat wie nul komma niks. It wie al let op 'e middei, doe't er Aken útried. Yn in hotel bûten de stêd - hy hie gjin sin dy nacht de HY te besliepen - sette er winst en ferlies op de balans. It wie dúdlik dat der yn 'e tritiger jierren gjin Job Wassermann yn Aken wenne.
Hy seach trije mooglikheden en dy sette er op in papierke:
1. De namme wie in dwaalspoar, Job wenne hjir ûnder in oare namme.
2. De namme kloppe, allinnich moast der fierder socht wurde yn oare plakken.
3. Sawol de namme as de stêd wiene optocht.
Wat de boekhannel oanbelanget leine der twa mooglikheden:
a. Job hie in boekhannel.
b. Job hie gjin boekhannel.
Jacob wie tefreden, sa stie alles moai op in rychje. No wie it saak in logysk ferfolch te sykjen en dat like yn dit gefal net al te dreech. Fan de earste trije mooglikheden koe er de nûmers ien en trije oan kant skowe, yn beide gefallen soe it spoar dearinne. Allinnich de twadde joech wat romte en hy besleat dêrmei fierder
| |
| |
te gean. Dan wie de boekhannel der noch. In echte reden foar syn gedachte wie der net - hjir gie Jacob op syn gefoel ôf - mar it woe him net oan dat de boekhannel fiksje wie. As er de eagen heal ticht knypte, seach er Job altyd tusken boeken. In oar foardiel wie dat er miskien in berop dwaan koe op de tsientallen boekhannelers dêr't er kunde oan hie. Dus de situaasje wie helder: hy soe fierder sykje bûten Aken nei in Job Wassermann dy't sa om 1935 hinne in boekhannel hie. Hy draafde hast nei it parkearplak ta om de auto-atlas op te heljen. Op syn keamer belle er mei Andrea.
‘Und wie geht 's mit Sherlock?’ rôp se oer de Alpen hinne.
‘Gut, sehr gut!’
By it hearren fan har stim waard it sin noch oerdwealsker, hy soe har wol tútsje kinne. Entûsjast die er ferslach fan syn argyftocht troch Aken, syn konklúzjes en de plannen foar de dei fan moarn.
Doe't er de folgjende dei wekker waard, makke syn opwining plak foar in seurende pineholle. Stinnend kaam er oerein, it wie juster blykber wat te mâl gien. Mei it gesicht yn beide hannen siet er in skoft te bekommen op 'e râne fan it hotelbêd. Soms hie er fan dy nachten. Silst it hjoed wat kalmer oan dwaan moatte, oars bliuwt der net folle fan dy oer, warskôge it betûfte liif. Optimisme skikte op foar twifel. Ynienen like it lân te grut, de dei te wiid. Jacob begriep dat it noch in hiele toer wurde soe de achtergrûn fan Job Wassermann in kleurke te jaan. It wie al tsjin alven doe't er it kaike fan de Citroën omdraaide.
Foar ien dy't minder waard, wie frou Ehrel noch aardich by de tiid. It wie mear as tsien jier ferlyn dat er foar it lêst by har - of eins by har man - yn it antikwariaat omsneupte nei nije foarried foar syn altyd roppige boekeplanken. Doe't er dy moarn op 'e stoepe fan de sa fertroude saak yn Bergheim stie, seach er it fuort: de boel wie ferballe. Foar it rút leine de nijste útjeften en it antikwariaat, dat oars de hiele winkel útmakke, hie him weromlutsen yn it achterste diel. It personiel, in jonge fint yn in pak mei
| |
| |
streekjes, die syn uterste bêst de foarútgong fan de saak op te fleurjen mei in soad kâlde drokte.
‘Gutentag’, en Jacob stuts de hân út, ‘Jacob Nauta...’
It útsprekken fan syn namme miste it doel net, it fintsje knypte de eagen heal ticht en hy bûgde licht foaroer om syn klant ris goed te besjen. Nei in koarte stilte bruts de sinne troch.
‘Ach so... Herr Nauta!’
Doe pas seach Jacob yn it gesicht de trekjes fan de âlde Ehrel wer, it fleizige kin mei it kûltsje en swiere wynbrauwen boppe de djiplizzende brune eagen. Hy frege fuort mar nei de heit, of...? Ja, sa wie it, ferline jier is er stoarn, ‘Vati’ wie op 't lêst al oer de njoggentich en dan mochten je net kleie!
‘En jo mem?’ frege er belangstellend.
Sy waard ek minder, mar se soe it grif prachtich fine as Herr Nauta delkaam. Moast er it adres even opskriuwe?
En sa kaam er yn in modern tehûs telâne en bedarre er oan in taffeltsje yn de mienskipsromte. Frou Ehrel lei har trochsichtige hantsjes oer it taffelsblêd hinne yn dy fan him.
‘Jacob Nauta, nie habe ich gedacht...’
Se praten oer Ehrel, de bern en by elke sin skamme Jacob him in bytsje mear. Hy fielde him skuldich, hy siet dêr mar wat yn Itaalje, wylst syn freonen ien foar ien út it libben wei foelen. Dochs stelde er syn fraach. Hie se miskien wolris heard fan in boekhannel Wassermann, earne yn 'e buert fan Aken? Jacob ûntkaam der net oan alles te fertellen, it ferhaal fan Job, it ferhaal fan de pleats, alles. Se harke oandachtich, har ynfallen eachjes seagen him út de djippe kassen wei skerp oan.
‘Na ja, Wassermann, Wassermann...’
Yn gedachten struts se mei de hân oer it kin, gedachteleas rierde se mei in leppeltsje troch de kâlde tee. Fan in saak mei dy namme hie se noait heard, wier net!
‘Bist wol wis fan de namme?’
Jacob moast tajaan dat soks net it gefal wie, mar... Doe fearre se oerein. Wist Jacob wat, se soe ris in telefoanyske slach troch
| |
| |
Dútslân meitsje, miskien smiet dat wat op.
‘Mar dat hoecht wier net, dat is dochs fierste folle muoite...’
‘Aber gar nicht!’
Doe't Jacob de oare deis kontakt opnaam, rôp se it wurd: ‘Augsburg!’ Der folge in hiel ferhaal, Jacob hearde it net. Hy wie der wis fan dat er wat fine soe, hy twifele, mar no koe er amper leauwe dat er in spoar fan en hy wie te ferstuivere om sels mar bliid te wêzen. Pas doe't frou Ehrel in adres troch de telefoan rattele, kaam er by syn sûpe en stút.
‘...Eventuell kann Frau Esther Eberfeldt weiterhelfen...’ Om't er der in adres en in telefoannûmer by krige, liet er him fuortendaliks útskriuwe. Augsburg, dat wie in moai ein út 'e reek en earlik sein woe it him net oan dat er op it goede spoar siet, it lei foar syn gefoel te fier fan Aken ôf. Mar tagelyk betocht er dat er gjin kar hie, hy koe oars gjin kant út, dus sakke er oer de Autobahn mei in slakkegonkje fan fiifentachtich echte kilometers werom it suden yn. Underweis glimke er doe't er betocht dat it de froulju wiene, dy't him fierder brochten. De manlju hiene it wer ris te drok, of se wiene gewoan dea, dé oplossing foar alle problemen.
Yn Augsburg socht er in hotel net te fier fan it sintrum. Yn sokke famyljehotels is it faak wat makliker ynformaasje te krijen, it personiel is better op 'e hichte mei de dingen dy't er witte wol. De eigner pakte der op syn fersyk in plattegrûn by en tegearre sochten se it adres op.
De frou dy't him fierder helpe koe, wenne yn in piloatewyk, nammen as Messerschmitt en Zeppelin setten Jacob werom yn de tiid.
Esther Eberfeldt kaam amper boppe de brievebus út. Alles oan har wie like lyts, wat noch aksintuearre waard troch Jacob syn langliddich liif. Freegjend seach se omheech, doe't er him foarstelde.
‘Och ja, in frou út Bergheim hat belle, jo hiene wat fragen oer
| |
| |
Job Wassermann?’
‘Presys, frou Ehrel sei dat jo my fierder helpe koene...’
Se sieten oan in grutte tafel, dy't sawat de helte fan de achterkeamer yn beslach naam. De oare helte bestie út wat stuollen en in fikse boekekast. Op de boppeste planken stiene boeken, wat leger feroaren se yn foto's en wer leger yn in radio, in platedraaier, in menorah en in flachje fan Israel.
‘Myn man silger hat alle gegevens fan de joadske befolking fêstlein, dus wy moatte in hiel ein komme kinne. Ik moat jo sizze dat ik behoarlik optein bin oer jo fraach. Myn man hat nochal wat tiid yn dy persoan stutsen, begripe jo wol? Job Wassermann is foar de oarloch útwykt nei die Niederlände en der is er út it sicht ferdwûn, want gjinien hat noch fan him heard. Syn famylje hat de oarloch net oerlibbe, dat hy soe de iennichste wêze kinne. Mar om't er hjir noait west hat, tochten wy dat it mei him ek net goed kommen is. Ich muss sagen, ich bin sehr aufgeregt...’
Foar de safolste kear draaide Jacob it ferhaal ôf. Frou Eberfeldt pakte in oantekenblokje út in laad wei en skreau yn stekwurden op wêr't Job bedarre en wêrom't Jacob wat dingen neisocht. Doe't er útpraat wie, kaam se oerein en pakte in boek fan in buro yn de foarkeamer.
‘Sjoch, dit sille jo wol nijsgjirrich fine...’
Der stie in lyts stikje tekst oer de boekesaak, dêr't Job wol oer fertelde, mar wichtiger wie de âlde foto.
‘Och...’
Jacob syn triljende wiisfinger glied automatysk nei Job, dy't tegearre mei in oare jonge foar de winkel stie. Hy skodholle, der wie gjin twifel mear, dat wie Job, Job en nochris Job.
‘Jo kenne him noch?’
‘Ja, dat is him... Hoe bestiet it...’
Hy koe der neat oan dwaan, ynienen dripte der in trien by de noas del.
‘Is dat syn broer, ik miende...’
| |
| |
‘Nee, nee, dat is Hans Weber, syn freon. Eins wol bysûnder, joadske bern giene meastal net om mei gojiem, as jo begripe wat ik bedoel! Hans is yn '43 sneuvele yn Ruslân, de foto komt by syn famylje wei...’
Se wiisde him de namme oan yn it ûnderskrift healwei de side, mar Jacob koe de eagen net fan de foto weihâlde. Hy woe wat sizze, mar syn tinkhân bleau hingjen, de mûle stom. Hy skodholle nochris, de gedachte wie fuort. Frou Eberfeldt hie noch tûzen fragen en sekuer notearde se alles: ‘Doe't myn man ferstoar, bin ik trochgien mei syn libbenswurk...’
Mear as in oere letter stjoerde er de HY werom nei it hotel ta. Op de stoel neist him lei it boek dat er kocht, frou Eberfeldt hie noch in doaze fol. Dy nacht sliepte er min, de foto bleau him troch de kop spyljen, mar pas de folgjende dei, doe't er by Innsbruck de ôfslach nei Bolzano naam, wist er wa't der neist Job op de foto stie. Syn ûnthâld plakte Hans Weber in helm op, luts him in unifoarm oan en dêr stie er. Jacob ried it earste parkearplak op dat er tsjinkaam, skode de Citroën fansiden, pakte it boek en blêde op de foto ta. It kloppe, dit koe hast net oars, foar de wissichheid seach er noch in kear.
Neist Job stie Wibeltsje.
‘Job hie dus kontakt mei ien fan de soldaten yn de stêd, mei dy Hans Weber?’
Ella sjocht him wat fernuvere oan.
‘Ik fûn it altyd al frjemd dat er krekt by ús telâne kommen wie, mar hy reizge gewoan syn maat achternei, is it net wat?’
‘En dy brief wie dus ek fan Hans...’
‘Ja...’
‘As Job al yn Nederlân wie, moatte se dus kontakt holden hawwe... ek net ûngefaarlik,’ beprakkesearret Biem, ‘wát in tiid, wát in ferhaal...’
Jacob komt oerein, stiif fan de lange sit.
‘Mar kom, ik sil wer ris oan 'e slach, sa komt it ek net klear!’
| |
| |
Krebintich wjukkelet er nei de auto ta, de oaren oerlizze wat se dwaan sille. As Jacob it fyfde blok basalt foarsichtich teplak leit en de sirkel hast rûn is, binne se der noch net út.
In folgjende delstap. Daalk stiet er yn 'e katakombe fan syn libben, op it plak dêr't er altyd bang foar wie, it plak dat er it grutste part fan syn jierren negearre. It wurdt tiid de rekken op te meitsjen, de streek te lûken. Syn foet siket in lêste bâld op it ûnderste hout.
| |
Acht
Dy simmer kaam dûmny Schaap hieltyd faker op de pleats, yn 't sok twa âlderlingen en steefêst trije bibels, want trije wisten mear as ien. It kommen fan de trije-ienheid wie in plechtich barren. It leauwen kaam ta ús yn 't kreaze pak en sa gie it ek wer fuort, dûmny foarop en dan de twa folgelingen op earbiedige ôfstân. De mannen diene my tinken oan in plaatsje yn 't skrift dat ik fan frou Skelting krigen hie. In stomboat mei trije skoarstiens stie op it punt de haven yn te farren en op de foargrûn wachte in frou mei ljocht hier op har matroas. Sa't dy boat de haven yn fear, sa dreaunen myn oansteande skoanheit en syn maten by ús it hiem op.
Yn it earstoan fûn ik it hielendal net frjemd dat dûmny om de safolle wike by ús kaam. Wy hearden no ienkear by Gods favorite tsjerke en dan koene je soks ferwachtsje. It hearde derby, krekt as bidde, fraachleare en op muntsjes sobje foar de preek. Dat ik steefêst ta de keamer útstjoerd waard, wiek foar myn gefoel ek net of fan it wenstige patroan. Wat soe ik begripe fan it gelearde praat oer God, sûnde en genede. Dat hoegde pas as je sawat dea giene of in bytsje earder, want je koene mar noait witte.
Nee, ik begûn it allegear wat frjemd te finen, doe't muoike net mear nei tsjerke ta gie. Earst foel it my net op - se wie siik of sokssawat - mar letter die bliken, it wie in kwestje fan wichters
| |
| |
en tuorrebouten. Earst wie der neat, en doe ynienen seach ik it, se wie hielendal net siik. Boppedat hie 'k ferkearing mei Evelyn. Ik beseach dûmny Schaap mei oare eagen, it koe ommers wolris sa komme dat ik famylje fan de man waard. De gedachte spruts my earlik sein net bot oan. Dûmny wie in wat grobbige man mei in te reade holle dy't op 'e preekstoel yn it fjoer fan de striid suver nei pears útskaaide. Mei wetterige eagen seach er my oan, mar hy sei komselden wat, krekt of bestie ik net. Fleurich waard ik net by de gedachte dat ik meikoarten by dizze man oer de flier komme moast, ek ferkearing hie syn foar en tsjin. It foel my op dat de oaren net al te bliid seagen by it foarútsjoch fan in jûn mei it leauwen yn 'e moaie keamer. Pake, oars fol mei grapkes, wie stiller as oars, heit frijwat koart. Mem seach soargelik, der ûntstie dan in tearke boppe har noas, presys tusken de wynbrauwen. Allinnich beppe like it net folle út te meitsjen en muoikes eagen sieten achter in ivich rûn briltsje, sadat ik net goed sjen koe wat sy derfan tocht.
‘Jûn komt dûmny,’ sei mem yn de stilte foar syn kommen. Mei oare wurden, ik koe mar better achter bliuwe, want ‘het hele huis werd vervuld!’
‘Wêrom?’
Ynienen flapte de fraach út 'e mûle wei en watfoar ien! Hy bestie mar út ien wurdsje, ien ûnnoazel wurdsje, it koe dochs net al te dreech wêze in ienfâldich antwurd te jaan. Earlik sein, ik ferwachte der neat fan, eins hie ik myn fraach net lang yn 't foar betocht, sa't ik ornaris die. Dan stelde ik de wurden yn in logysk rychje op, skifte de oerstallige derút, draaide de boel nochris om en besleat meastentiids dat it miskien better wie stil te bliuwen. Ik hie dus in koart en ienfâldich antwurd ferwachte, in antwurd as ‘dêr bisto noch wat te lyts foar’ of gewoan ‘och... it giet oer muoike’ en dan neat mear. Mar sa maklik lei dat ditkear net.
Ik learde dat oan fragen dy't bestiene út ien wurd bytiden gjin antwurd fêst te knoopjen wie. Mem besocht it even, mar joech it healwei op.
| |
| |
‘Om't der in... Deris... Hoe sil ikit sizze...’
Freegjend seach se nei de oaren, mar beppe die krekt of hie se gjin letter fan myn fraachwurdsje heard, se wie drok dwaande mei it ôfromjen fan de tafel. Heit kaam oerein om nei achteren te gean, pake folge mei in ‘ja, wy sille noch even...’ en muoike nokkere wat. Mem stie der allinnich foar en ik stie foar har oer, miskien soe se noch wat sizze. Mar it kaam der net fan, al stie mem - ik wie der wis fan - wol op 'e sprong.
‘Moatst der mar net oer yn sitte, it is neat slims, hear...’
Sa waard it ôfdien, in leech antwurd dat neat en dêrtroch krekt alles sei. Ik hie der hielendal net op rekkene dat der wat mis wie, mar no't mem der sa tsjinoan skytskoarre wat te sizzen, wist ik better.
Ik rûn achter muoike Gel oan troch de gong. Se gie nei har keamer ta, ik soe nei achteren en hie de kruk fan de doar nei it klompehok al beet, doe't se oer 't skouder nei my seach en healwei in stap stean bleau.
‘Ik ha noch wat foar dy...’
Ik rûn as in hearrich bern achter har oan, nijsgjirrich wat der no wer wie. Eins foel it wat ôf, muoike folge it wenstige paad. Se pakte my by de skouders en draaide my nei har ta. Har rjochterhân glied nei myn jongesbûk en knope de broek los. Se luts de klean los fan it liif, liet de koele brief nei binnen sakje en die de brot wer ticht.
‘Wat in drokte net, mei dy Schaap, moatst dy der mar net al te folle fan oanlûke hear, it hat neat om 'e hakken, allinnich mar âlde kij, allinnich mar âlde kij...’
‘Mar wêr giet it dan om?’
‘Och...’
Dêr wie it al, it bekende Nauta-antwurd, gewoan ‘och’ en dan mar wer huppekee, weg ermee. Mar sa maklik kaam muoike der ditkear net ôf. Soe ik daalk net in brief nei Job ta bringe, wie ik net har trouwe postrinder? Dêr mocht dan ek wolris wat foaroer stean, of net soms?
| |
| |
‘Wat bedoelt muoike?’
‘Ja, dat moatst jim mem mar freegje hear!’
‘Hoesa?’
Alwer sa'n goedkeape fraach fan mar ien wurdsje, ik soe dizze taktyk opnimme kinne yn myn Manieren Fan Dwaan, want muoike wie der slim ferlegen mei.
‘Eh no, it giet noch altyd oer Geart...’
‘Omke Geart?’
Noch krekt koe ik de folgjende fraach freegje, hie 'k in tel langer wachte, dan wie it net mear slagge. Wat ik ek ferwachte, it hie yn alle gefallen neat te krijen mei omke Geart. Dy wie ommers al lang stoarn, begroeven en net wer ferriisd út 'e dea, wy hieten net allegear fan Harrie Boven.
‘Ja, omke Geart, se kinne it net litte. Mar ik wit wol wa't derachter sit, ik wit it wol...’
‘Giet muoike dêrom net mear nei tsjerke ta?’
Se seach my allinnich mar even oan, mar dat wie ek in antwurd.
‘No, it wurdt tiid datst myn brief besoargest, fuort mei dy!’
‘Mar...’
‘Niks mar, Job sit al te wachtsjen...’
Mear siet der net yn 't fet. Ik dûkte op it klompehok achter de kast, krûpte troch de heagong nei Job ta en brocht de brief fan muoike Gel teplak. Ik hoegde net te wachtsjen.
‘Bedankt Jacob, kom je morgen weer, dan heb ik mijn antwoord wel klaar, bedankt!’ en Job bûgde him nei it lêste ljocht ûnder de glêzen dakpanne ta om te lêzen.
Letter dy jûn ferbûn ik foar it sliepen gean de dingen dy't ik wist fan omke Geart mei de ynformaasje fan muoike Gel. Troch de foto ûnder de bewarpanne op it hok wie ik al aardich fertroud mei de gedachte dat omke wat hie mei frou Skelting. Blykber wiene der mear op 'e hichte, dat wie wol helder. Mar omke wie der net mear, wêr makken se har noch drok om? Wat hie muoike ek alwer sein?
| |
| |
‘Ik wit wol wa 't derachter sit...’
De oare moarns fûn ik op myn sammelstoel de lang ferwachte postsegel fan Portugal Correio, dy mei de boat en de trije stjerren.
| |
Njoggen
Ik wie dochs net de iennichste dy't wist fan de útstapkes dy't Job no en dan makke. Ik moast wat aaien helje út 'e ierappelkisten op 'e heasouder. Mei it wite pantsje op 'e knibbels siet ik noflik op in âlde melkerstuolle foar it gaas fan de hinnematte. Twa barnefelders skarrelen wat om en ien stie wat drok te dwaan op de kiste. Der wie dus noch in aai ûnderweis, ik hie besletten it even ôf te wachtsjen, doe't ik ûnder my yn it lytsbûthús fuotstappen hearde.
De stimmen fan pake en heit rûnen mei de stappen op, mar om't de lûken ticht wiene - dat wie altyd sa by 't simmer - koe ik net alles ferstean. Dat wie de bedoeling ek net fansels, mar koe ik der wat oan dwaan dat dy ferhipte barnefelder noch sa nedich in aai lizze moast? Ik siet no ienkear wêr't ik siet, pake en heit rûnen wêr't se rûnen, se seine wat se seine en ik hearde wat ik hearde.
‘...rint my tefolle yn 'e skuorre om...’
‘Dat is it slimste net, mar okkerdeis siet er by de hûnen op Gibraltar!’
‘Nee wol juh...’
Se hiene it oer Job, dus wie it saak myn binnenear yn 't wurk te setten. Pake die frijwat ferheard doe't heit dat sei fan de hûnen, elkenien wist dochs dat Job it net altyd úthold yn it flokhok?
‘...En as it dêr no by bleau, wit heit wol wat er nachts docht?’
‘Nee?’
‘Hy giet der nachts wol op út, dan giet er nei it...’
‘...joadeplak’, makke ik de sin kompleet, heit of pake skopte
| |
| |
krekt earne tsjinoan, sadat ik it ûntbrekkende wurd net hearre koe.
‘...docht er dêr no?’
‘Wit heit it? Ik tink dat it wat mei syn leauwen te krijen hat, oars soe ik it net witte...’
Mar ik wist it wol! Even wie ik yn 'e wille om in lûk iepen te skuorren, de holle troch it gat te stekken en dan mei de mûle op 'e kop te sizzen dat er dêr in brievebus hie. En dat net allinnich, der siet ek noch wolris wat yn, bygelyks in brief fan in Dútske soldaat dy't Job syn Lieber Freund neamde. Ik soe derby fertelle kinne dat der wol mear frjemdsoartige plakken wiene om brieven yn te stekken. Je hoegden mar in broek los te knoopjen, of je hiene alwer in gaadlike brievebus. Fansels bleaune dat ûndogense gedachten, Jacob Nauta reagearre net, hy seach wol út!
‘En wit heit it lêste nijs al?’
‘Nee?’
‘Ik tink dat ús Jacob der ek wat fan fernommen hat...’
‘Wêrfan?’
‘...Dat Job der nachts wol ôf giet. Jits trappearre dy smoarge jonge okkerdeis op 'e gong...’
‘Moast er net nei 't húske of sa?’
‘Hy hie bûten west...’
‘Bûten?’
‘Soest him net, hy stiet oeral mar wat ûnnoazel te sjen, mar hâld him yn 'e gaten...’
‘Och, it is noch mar in bern...’
‘Mar it earste komt earst...’
‘En dat is?’
‘Ik sil Job oan it ferstân prutse dat er binnen bliuwe moat en oars kin er fan my opsoademiterje, ik wol gjin gedonder en heit wit wol wêrom!’
‘Ja ja, kalm mar, oars wol ik...’
‘Nee, dat hoecht net, ik rêd der sels mei. It sit ús de lêste tiid gewoan net mei, earst dat gemiter mei Geart en dan dy ferrekte tsjerke...’
| |
| |
De bûthúsdoar waard iepentreaun, pake en heit rûnen oer de skuorreed nei it klompehok ta.
Stokstil bleau ik sitten, wat moast ik no? It like my net ferstannich fuortdaliks achter heit en pake oan te rinnen. Oan 'e oare kant, it wie sawat iterstiid en dat wie by ús in hillich barren op in hillige tiid. Te let komme wie ferbean, dat ik koe net al te lang wachtsje. Ik middele it mar wat, fergeat noch hast de aaien mei te nimmen en strûsde by de ljedder del. Sa kalm mooglik rûn ik nei binnen ta, sette de aaien ûnopfallend del en socht myn stoel op.
‘Hè hè, dêr wiest al, moasten se noch lein wurde of sa?’
Hold mem de mûle mar, al dy oandacht kaam yn dit gefal net al te bêst út. Hast op itselde stuit seach heit my oan, even skeaten syn eagen nei it pants je en doe werom nei my.
Seachst him tinken. Yn syn ûnthâld rûn er mei pake werom yn de tiid, troch it klompehok nei de skuorre en dan troch it lytsbûthús. Hy bleau stean, rikte omheech en treau ien fan de lûken iepen. Dêr trappearre er Jacob Nauta, mei it pantsje op 'e skurte, wachtsjend op in aai dat noch lein wurde moast. Hy seach myn noch wiid iepensteande binnenear dat alle wurden opsûge en hastich opburch yn it ûnthâld. Heit seach my oan, begriep wat der bard wie, knypte de lippen smel, knikte ien kear stadich en die de hannen gear foar it gebed.
| |
Tsien
As molke yn 'e tsjerne, sa waard de spanning by elke slach yn 'e rûnte in bytsje tsjokker. It duorre net lang of koest him fiele, in ûnbekend ynslûpsel dat ús ien foar ien ûnwis makke. Koest it sjen oan 'e gesichten. De sinne hie wangen, kinnen en foarhollen ferbaarnd, mar wa't better seach, moast it wol opfalle dat ús brune simmerhollen wyt útskynden. Wy wiene de iennichsten net, gjinien ûntkaam deroan.
De sfear yn 'e stêd wie om te snijen en mei reden. Wa wie te
| |
| |
fertrouwen en wa net? Wat tsjin de ien sein wurde koe, moast by de oar stilholden wurde. It wie net maklik ûnderskie te meitsjen tusken de goeden en de ferkearden, teminsten yn guon gefallen. By de boargemaster en de plysje wie it dúdlik. Wy troffen it net, want dy mannen wiene sûnder útsûndering op 'e hân fan De Gek, al fan it begjin ôf wie dat sa. Mei ôfsakke moedfearren sjachele de befolking troch de strjitten. De minne tiid duorre no al mear as twa jier en hie de ein noch lang net yn 'e bek.
Allinnich de gekken út it gesticht hiene wille. Har laitsjen klattere by de muorren op, mar wa makke him dêr no drok om. Nei har eameljen waard net lústere, wa hie belang by dy healwizichheid? Ut en troch besochten de susters de boel in bytsje del te bêdzjen, mar de gekken swaaiden en rôpen fleurich troch. Dochs wiene se net feilich. De Gek hie ûntdutsen dat der ek gekke Joaden bestiene. Om't er sa fan se hold, mochten se by him útfanhûs komme, mar de susters tochten dat it better wie fan net. Der waard sein dat ien fan dy froulju nei Ljouwert west hie om in espeltsje Joadske pasjinten werom te heljen. It slagge ek noch, teminsten dat sei mem.
‘Se moasten De Gek sels opnimme, dat wie gâns better,’ fûtere beppe. Se stie op it stalt oan de westkant, mem mei de hannen yn 'e side by de hikke nei de finne. Beppe bjinde de molkamers, dy't mem krekt brocht hie.
‘...Mar net yn 't gesticht, dat is in fierste goed plak foar sa'n ien...’
‘Hast wat oars yn 'e holle?’
Doe kaam heit der oan.
‘Wêr ha jim 't oer?’
‘Oer in gaadlik plakje foar De Gek...’
‘...Oooh... Mik dy mar yn 'e jarrekolk en dan wol ik him der ek noch wol even mei de harsens ûnder hâlde...’
Heit lake derby, mar it wie net echt, it like tefolle op muoikes laitsjen. Dochs wie der in ferskil, mar hie sy net oefene foar de spegel?
| |
| |
‘Jacob?’
‘Ja?’
‘No ha 'k al twa kear dyn namme neamd, wêr wiest wer mei dyn gedachten...’
‘Dy jonge tinkt te folle, witst dat no noch net, Jits?’
Beppe skodholle oer safolle ûnferstân, as in ferwezeling stie ik by de hage.
‘Kinne wy even prate, kom mar mei...’
Heit seach har in fraksje fan in tel begripend oan en rûn fuort.
Mem wachte it antwurd net ôf, pakte my by 't skouder en naam my mei nei de feart. Goed idee, fûn de hûn, optein giselen de twa sturten om ús hinne. Doe't wy healwei wiene, begûn se stadiger te rinnen.
‘No moatst ris goed lústerje. Wy meitsje ús de lêste tiid wat soargen om dy, heit en mem hawwe it justerjûn noch lang oer dy hân, begrypst wol? Do stiest oeral mar wat om dy hinne te sjen, ik ha der sa stadichoan gjin idee fan wat der allegear yn dat kopke fan dy omgiet en watst by de ein hast, mar folle goeds komt der op dizze manier net fan...’
Under it praten seach se om har hinne en even letter sieten wy mei de fuotten yn in greppel, de earmen om de knibbels hinne. Ik hold ‘it kopke’ foardel, wat ferwachte mem fan my? Dat ik alles sei wat ik dizze simmer beprakkesearre hie, de dingen dy't ik die, dy't ik sels útfûn om't gjinien my wat fertelde?
‘No, sis ris wat, altyd dat stille, wêr tinkst oan?’
‘...Oan omke Geart...’
Mem bestjurre.
‘Omke Geart dus... en wat tinkst dan oer omke?’
‘Fan alles...’
‘Wat is fan alles, dat er stoarn is of sa?’
‘...Ferdronken’, ferbettere ik har, ‘wêrom ha jim dat net sein?’
Sa, ik hie de fraach steld, no moast mem antwurdzje, ik hie der rjocht op. Mar se sei neat, se socht noch om de wurden, ik snapte it wol.
| |
| |
‘...Tsja, dat gie fansels. Ik tink net dat wy der in bedoeling mei hiene, mar it like sa wreed om it dy te fertellen, wy hiene der echt gjin bedoeling mei... En wat tinkst noch mear oer omke, of wie dat it?’
Ik fielde de spanning ûnder de yn it foarbygean stelde fraach. Ik siet yn bestân, de fuotten skeukten wat om yn 'e greppel. It koe wêze dat mem op 'e hichte wie mei omke syn ferburgen leafde, dêr't ik it bewiis fan bewarre ûnder de alfde panne fan de ûnderste rige op it hok. Mar hoefolle wist se dan? Ik stie op 'e sprong myn diel fan de wierheid bleat te lizzen, doe't ik ynienen betocht dat mem en ik net tegearre wiene.
‘Bist foarsichtich mei dy foto, ik ha leaver net dat de oaren it witte. Dit bliuwt in geheim tusken dy en my, goed Jacob?’
It wie mar goed dat ik dit betocht, oars hie 'k alles sein. No draaiden wy as hynders op 'e kâlde kermis om elkoar hinne.
‘Ja...’
‘Wat ja?’
‘Gewoan: ja... Of is it sa bysûnder dat omke ferdronken is? Minsken ferdrinke wol faker, of se fersûpe...
‘Dat wurd brûke wy net...’
‘Of is der noch mear dat ik net witte mei? En wêrom komt dûmny de lêste tiid by ús, of hat dat der ek wat mei te meitsjen...’
Mem fearre op of waard se stutsen.
‘Dat hast op 'e souder heard, doest aaien helje moast, jou mar ta, Jacob Nauta!’
Dus dêr siet de pine, it hege wurd wie derút. Dochs fielde ik my net betrape.
‘Ik koe der neat oan dwaan, ik siet gewoan foar de hinnematte, ien fan de hinnen siet tsjin it lizzen oan...’
Mem draaide har nei my ta.
‘Asto hearst dat grutte minsken wat - sjoch my oan! - asto hearst dat grutte minsken wat tsjin elkoar sizze en se hawwe net yn 'e gaten datsto der bist, dan kinst dat wol even fernimme litte. Hiest gewoan even mei de klomp op 'e souder tikje kind, dat
| |
| |
hie wol sa fatsoenlik west. Silst dêr tenei om tinke?... No, wat seist?’
‘Ja mem...’
‘Dat mei dûmny giet oer omke, dat is wier, mar dat wie net foar dyn earen ornearre. Ik wol it ek net útlizze, dat is net foar bern.’
Se lei even in hân op myn skouder.
‘Sit der mar net oer yn, it komt wol goed. Letter sil ik dy noch wolris fertelle wat der te rêden wie, no bist dêr noch wat te jong foar... En foar't ik it ferjit, wy fine it better as Harm en Ale earst net mear by ús komme, fral Harm net!’
Lilkens wâle omheech, it fielde krekt of krige ik in kaam.
‘Wêrom net?’
‘Net om dy hear, do seist it altyd kreas op 'e tiid as dy jonges komme, mar Harm is sawat like nijsgjirrich as ...No ja, hin? It binne rare tiden en wy wolle net dat elkenien it wit fan Job...’
Se kaam oerein, dat wie it. Ik wie net folle wizer warden, mar foar my wie dúdlik dat mem en de oaren it wisten fan omke. Blykber wiene se ek by de tsjerke op 'e hichte, hie mem it net mei safolle wurden tajûn? It soe wol sa wêze dat de God dy't sa yn 'e grifformearden leaude, it ek net goed fûn wat omke en frou Skelting útheefden. Ik hie foarearst hiel wat oars te dwaan. Ik soe Harm útlizze moatte dat er net mear by ús komme mocht sûnder de echte reden derby te sizzen en dat soe noch net tafalle, ik hie it as in berch foar my.
| |
Alve
Harm, Ale en ik sieten by de feart te ielfiskjen. Teminsten, dat seine wy, want wa koe yn 't foar witte wat der oan 'e heak hingje soe? It wie yn alle gefallen om iel te dwaan, en mocht der in stomme blei delkomme, dan waard dy achte troch te swimmen. Bôle wie minder gaadlik, wy hiene wat wjirms mei. Boppedat hie
| |
| |
Harm altyd wol sin oan wat, bôle friet er yn 'e regel sels op. Doe't wy de angels út 'e skuorre hellen, hie ik de mannen wachtsje litten by de kastanje healwei de reed.
‘Ik sis daliks wol wêrom,’ sei ik hastich en ta myn fernuvering wie dat genôch.
‘No, sis ris wêrom't wy net mei mochten, of binne wy net mear goed genôch foar de Nauta's?’
Djip yn 'e ûnderwâl sei Ale de fraach dy't ik ferwachte, it antwurd lei al klear.
‘Us heit en mem wolle it net, it is te drok foar ús pake...’
Dat hie ik knap betocht, of net soms? It wie in goed ding rekken te hâlden mei âlde minsken, oer soks koe dochs gjin twifel bestean?
‘Is jim pake dan siik of sa?’ frege Harm erchtinkend.
‘No ja, ...siik, wat sil ik sizze, hy wurdt minder!’
Dat ‘hy wurdt minder’ wie eins in sitaat fan beppe, mar wat makke dat, der wie gjin spjelde tusken te krijen. Wie pake in moanne ferlyn net omkipere op 'e heawein, hie der net in dokter by west en wist elk der net fan? It bleau stil en ik line tefreden achteroer op myn earmtakken.
‘...Jim hawwe seker ûnderdûkers?’
Bats!
De angel kneppele sawat yn 't wetter, sa kjel waard ik fan Ale syn wurden. Myn ‘hoedatsa?’ kaam krekt te let om te oertsjûgjen en de jonges fielden dat se byt hiene.
‘Praat der mar net omhinne, ik tink dat ik wol wit wêr't se sitte...’
Harm draaide in gnizende holle nei my ta, ik wie te ferbûke om sels mar lilk te wurden.
‘Wêr dan?’ frege ik stom, dôf en blyn.
‘Sjochst wol, ik ha gelyk!’
‘Wêr dan?’ dage ik út, myn tinken stie stil.
It antwurd bleau hingjen yn 'e ûnderwâl, ynienen hearden wy stimmen. Ik moat tajaan, Ale wie it rapst fan ús trijen. Syn holle
| |
| |
skeat sawat like hurd omheech as wer nei ûnderen ta, flugger as ik oait seach. Hy sifele soks as ‘KlaasBrechj...,’ hold ús mei in flakke hân tusken de reiden en herhelle de beweging fan in tel earder. Doe't er syn holle werom hie, kaam der noch in wurd: ‘Sssskeltingng!’
Wy dûkten fuort yn 'e skurte fan de Trekfeart. Wat de mannen seine wie net te ferstean, hoe fier ik myn bûtenear ek iependraaide. Yn pleats fan hieltyd lûdere stimmen te hearren, waard it healwei in sin ynienen stil. Yn spanning wachten wy ôf wat der fierder barre soe, wy doarsten net oer 't skouder te sjen, gjin beweging te meitsjen. It koe in fersin wêze, even miende ik dat der in skaad oer ús hinne foel. De fuotstappen, earst sa tichteby, rûnen no hastich by ús wei, yn gedachten seach ik de stôk fan de direkteur troch de loft giseljen. It duorre hast in minút foar't wy by de wâl op klauden.
In ein fierderop seagen wy Skelting ôfbrassen, hy draafde der hast oer. It swarte silhûet fan Brechje, Klaas rûgele de kant fan Hitsum út.
‘De direkteur hâldt it ek al mei de moffen, leau 'k,’ stelde Ale droech fêst.
‘Jim meie wol útsjen mei dy ûnderdûkers,’ pakte Harm ús ûnderwerp wer op. Allinnich ditkear wie it net om my te hifkjen, it klonk oars, earnstich en ek in bytsje ûngerêst.
‘Neat sizze tsjin oaren, hear...’
‘Bist gek!’ klapte Harm myn soargen út it skouder, ‘wy sizze neat!’
Ynienen hie 'k der frede mei dat de jonges wat oer Job wisten. Ale en Harm wiene op it lêst maten, fan harren hie 'k neat te duchtsjen. Fan de direkteur en Klaas Brechje wie ik in stik minder wis en wat noch slimmer wie, wy fûnen neat mear oan it fiskjen. Wy smieten de lêste wjirms yn it wetter en setten de stap deryn.
Thús fertelde ik mem grutsk wat ik sjoen hie, mar wat foel it ôf, se wie hielendal net ferheard.
| |
| |
‘Der wurde al langer dingen oer Skelting sein, moatst mar net yn syn buert komme.’
Dat wie ik ek net fan doel, ik soe my wol trije kear betinke. Teloarsteld gie ik nei achteren ta, dan mar even by pake sjen.
| |
Tolve
Doe't de ierde noch leech en sûnder foarm wie, it tsjuster oer de ôfgrûn lei en Gods wyn oer it wetter sweve, lôgen de fjurren yn de smidte heech op. Tongerslaggen fan izer op izer wikselen ôf mei it sisterjen fan gleone gloeden yn kâlde wetterbakken. Midden yn in wrâld fan lucht, wetter en fjoer húsmanne de smid. Machtich as gjinien riisde er op tusken de dampen boppe de buorreljende wetterbak. Klean koe er sûnder. In learen skelk oer in blauwe broek wie alles, fierder seach er derút sa't in echte man hearde te wêzen: bleat-breder-sterkst. It swit lei in fine glans oer syn by elke mokerslach triljende hûd. Ungemurken glieden ús hannen oer de boppe-earmen, ûnwillekeurich knypten de fingers yn it wite fleis. Nee, wy wiene noch net safier, nóch net!
De skodoar oan de strjittekant stie by 't simmer yn 'e regel wiid iepen, it gat waard nei skoaltiid foltroppe mei jonges dy't ûnderweis wiene, mar net fierder komme koene fanwege it spektakel yn 'e smidte. Eigenbelang spile dêrby in grutte rol. Achteryn de smidte stie yn 'e hoeke in frachtwein. Samar stie it ding dêr, net mear as in keal sjassy kompleet mei motor, mar wis wol in echte auto. De smid slipe, skroeve en skjirre derop los, de timmerman fabrisearre in laadbak en nei in fearnsjier wie it ding klear.
‘Ride jonges?’
Ferstuivere bûgden wy troch it gat fan de skodoarren nei binnen ta, oer de drompel mochten wy net komme. Hiene wy dat wol goed ferstien? Mankearre der wat oan ús earen of like dat
| |
| |
mar sa? De smid swaaide mei ien fan syn sterke earmen yn 'e rjochting fan de hoeke dêr't de frachtwein stie.
‘Strak!’ rôp er, ‘even dit dien meitsje...’
Koe der dan riden wurde? Wa wist net fan it tekoart oan sawat alles watst betinke koest? De dokter hie ek in auto, mar ride wie der net mear by. Brânstof wie allinnich foar soldaten, sadat dy noch mear minsken oppakke en deameitsje koene. In dokter besocht ús yn 't libben te hâlden en kaam dat net op 't twadde plak? Koe der echt riden wurde?
It koe, blinder, it koe! Letter op dy middei, doe't er klear wie mei it wurk, ried de smid de wein nei bûten ta en doe pas seagen wy de mânske generator.
‘Bellay, Bellay!’ rôpen wy oerdwealsk, want dat stie op de sydkant. Yn de laadbak lei fan alles, mar wy koene der maklik by. Ynienen wiene wy machtich as miggen. Earst mar mei ús trijen, wêr kamen al dy oaren sa fluch wei? It nijs fleach as diggelfjoer troch de strjitten, oeral stutsen bern ferheard de earen ta de loft yn. Soe de smid te riden mei yn 'e bak alle bern dy't mar mei woene? Sels Tsjerk fan de oare kant stêd hong oer it sydsket te razen en te balten en sjoch dêr! Der wiene in pear famkes, hiene wy dy oait earder by de smid sjoen, nee dochs? Mei blide ferwûndering rieden wy by 't wetter del. Earst oer de Turfkade, dan oer de grêften dwars troch de stêd.
‘Bellay, Bellay!’
Wy wiisden nei it wurd op de generator, in echte Bellay! It wurd waard in oerwinningsgjalp, it klonk troch de strjitten, minsken seagen omheech. Yn de motske eagen bruts in skittering troch, de wangen kleuren. By it stedhûs stuts de smid de holle nei bûten ta.
‘Kalm oan, jonges, kalm oan...’
Us bolbjirkene stimmen sakken even fuort, hjir wurke de boargemaster en dat wie in ferkeardenien. Yn syn keamer, op it plak fan Willemyn en de prins hongen no foto's fan De Gek en Mussert. ‘Gek en Healgek,’ sei beppe altyd, mar dat wie thús,
| |
| |
hjir moasten wy oppasse. Healwei it Noard fûn de lucht ús ronfelige stimbannen werom, dêr giene wy wer! Oer de Suderkade batsten wy werom nei de smidte ta. De wyn taaste mei waarme hannen nei ús hollen, famkeshier twirre troch de blauwe loft, wat koe ús deare?
‘Sjoch, dêr rint jim mem!’ bake Harm my yn 't ear.
Oan de oare kant fan it wetter stie de pleats, ús pleats. It brede foarhûs hold de skuorre wat út it sicht, allinnich Harm, Ale en ik wisten wêrom. Erchtinkend stoarren de swarte ruten nei dy auto fol mei skoalbern. Mar gie it de pleats wol om ús? Wie it net folle mear om de driging fan de stêd?
‘Mem, mem!’ raasde ik.
Mem rûn mei in amer nei de drinkbak ta om de keallen te boarnen. Se seach ús kant út en hold in hân boppe de eagen. Hie se my werklik sjoen tusken al dy oare bern? Ik wie der net hielendal wis fan, hie it net oan tiid om deroer nei te tinken. Oan 'e wei stiene in pear soldaten mei gewearen op 'e rêch, stiene se op ús te wachtsjen? Wy hiene se sa gau net sjoen, foar ús stiene se oan 'e oare kant fan de auto. Ale, alhiel oerstjoer, wist fan gjin ophâlden.
‘Bellay, Bellay!’ rôp er en nochris.
Pas doe't de wurden fan de huzen werom keatsten en op syn tromfluezen klapten, hearde er dat syn lûd it iennichste wie. Ferwûndere seach er om him hinne, wêrom wiene de oaren sa stil? Doe't er yn 'e gaten krige wat der te rêden wie, waard er bleek, de lucht stûke yn 'e kiel. Suver automatysk stuts er in hân omheech. Wie it dy hân, of de kombinaasje mei dy wite kop en syn iepen mûle? Of kaam it gewoan om't ien fan de soldaten gewoan in aardige fint wie? Hy groete ús wol faker, sels doe't er op 'e reed achter it begraafplak hast út 'e laadbak fan in legerauto kipere. It wie Wibeltsje, de lytste soldaat fan it hiele leger. Hy gnyske alwer en wy groeten werom, laken om dy healwize Ale, kloppen him op 't skouder.
‘Wat miene jim, dat ik benaud bin fan dy moffen?’ mar wy
| |
| |
wisten wol better. Hy hold him grut, mar wy lieten him yn syn wêzen, it wie ommers goed ôfrûn? By de smidte klatteren wy mei stive skonken út 'e bak wei en elk gie syn wegen. Even hiene wy los fan 'e grûn west, even hiene wy preaun fan de swiete frijheid, dy't om 'e hoeke fan ús bestean stie te wachtsjen op bettere tiden, tichteby en dochs fier fuort.
| |
Trettjin
It sied dat Sjoerd útstruide ûnder de hage, op de skuorreed, yn it sliepkeammerke op de foarsouder en op it hiem achterhûs, sprute net op alle plakken út. Fral op de hurde souderplanken en yn de skuorre rotte it nei ferrin fan tiid gewoan wer fuort. In sigentsje wyn troch in iepensteande doar wie foldwaande om wat derfan oerbleaun wie, fuort te blazen. Under de hage lykwols tearden de earste flokplantsjes har teare bledsjes ien foar ien iepen. Optein rjochten de brekbere stâltsjes de rêch, te lang hiene se rûngear wachte op in kâns. Lykwols, har opteinens duorre net lang. It ljocht ûnder de hage wie tsjuster, de sinne joech al gau belies. De plantsjes, earst noch fris en grien, ferskronfelen en waarden wei yn de wiete klaai. It measte súkses hie ús feint by de jarrekolk. Foar de richel lâns, in bytsje út 'e wyn, wie it klimaat ideaal, it laachje humus krekt tsjok genôch foar Sjoerd syn erfenis. Sûnt er troch heit weromstjoerd wie nei de Wâlden, toarke de geast fan syn beheinde tinkwrâld hjir om. Gjinien hie der erch yn, oant de kymplantsjes útwoeksen wiene ta in fiks bosk túch, dat sûnder warskôging of neiere oankundiging hûndertfâldich ferbeane fruchten joech.
Beppe stie te flokken op 'e kolk. It wie mar ien kear en noch sûntsjes ek, mar dêr't Sjoerd syn flokwurden de djipte fan in sint hiene, dêr friet dit iensume wurdsje him as sâltsoer troch de muorren fan myn kreas fatsoen.
It soe noch wol sa'n moaie dei wurde. Noflik line de sinne op
| |
| |
de tûken fan de trije popels oan de eastkant fan it hôf. It betide ljocht foel tusken de draaiblêden troch op de apelbeammen, de fûgels wiene útsongen en fuorren har jongen tusken it strewelleguod by de sleat. It gers, wiet fan 'e dauwe, ljochte op yn sulver en glês tusken de djippe skaden. Wy hiene der gjin each foar, it like of wie de wrâld, ús wrâld, omploege, op 'e kop set.
It iennichste dat wy seagen wie de hin. It bist hong op de achterkant fan it-húske-mei-de-balke. Sa as alle dagen wie beppe ier en betiid achterhûs te finen, der wie ommers altyd wol wat te dwaan. Dêr hearde se de hoanne al, in teken dat de hinnen fan 'e souder ôfkommen wiene om fuorre te wurden. Soks duorre by beppe wol even, want se wie wend it hok op te rêden en wat te eameljen mei de bisten. Nei't se klear wie, soe se nei de hinnematte om te sjen oft der ek aaien wiene. Fluch rûn se de hoeke om en dêr stie se hookstrooks each yn each mei dy hin. Fan skrik fleach se nei pake, pakte him by de blauwe kile beet om him mei te lûken nei de kolk ta.
Even letter wiene wy der allegear. Heit syn gesicht like fan stien, mem wie wyt as sûpe, muoike snokkere al. Ik wit net mear wat it earste wie wat ik fielde. Wie it bangens, skrik of skeakele it gefoel himsels gewoan út? Myn ûnthâld is it kwyt, allinnich it gesicht fan dy hin op it hout yn kombinaasje mei beppe har flokwurd sil ik noait ferjitte. Mei trije spikers wie it bist op de âlde planken fêstset, twa troch de wiid útsprate wjukken en ien troch it kieltsje, dat wie grif om de kop oerein te hâlden. It like dêrtroch krekt of beseach de hin dy spiker, sa fan: blinder, wat stekt my dêr no troch de strôte?
‘Hy hat al dea west,’ stelde heit fêst.
‘Watfoar idioat docht soks yn 'e goedichheid,’ frege mem har ôf, ‘wat hat dit no foar doel?’
Ik wist it net. It moast neffens my wol ien wêze dy't
a. net sljocht wie op de famylje Nauta
b. neat om hinnen joech
| |
| |
Djip yn gedachten stie ik dêr, tegearre mei de oaren. Der waarden dingen sein, mar net al te lûd. De krusige hin mei it skythús op 'e rêch twong respekt ôf, it bist hie - de gedachte rûgele my samar út 'e holle wei - it libben jûn foar alle oare hinn...
Staf-en-af draafden myn fuotten nei it hok ta. Fluch telde ik de bisten, dy't noch drok dwaande wiene it lêste foer op te pikken. It wie sa't myn idee it betocht en suver wat oerémis rôp ik myn konklúzje: ‘It is net ien fan ús, it is net ien fan ús!’
Ferheard ljepte beppe nei it pikegaas om te tellen. De oaren diene ek in pear stappen yn ús rjochting. Beppe wiisde har barnefelders stik foar stik oan.
‘Nee, de jonge hat gelyk, it is net ien fan ús... Och hea, ik miende dat...’
Wy rûnen werom nei de kolk en beseagen it bist mei oare eagen. Beppe die no krekt of makke it neat mear út dat it húske bespikere wie mei in hin, mar ik hie har wol troch. Se die it om my, ik hie it al te faak sjoen. Pake helle in knyptange út it hok, foarsichtich luts heit de spikers los.
‘Is er al stiif?’ frege mem.
‘Wat tochtst?’
‘...Skande ...Sil ik him noch slachtsje?’
Gjinien reagearre op de dwaze fraach fan beppe.
Pake helle de molleskeppe, dolde in gat achter de kuilbult, bedobbe it bist ûnder in fikse laach modder en stampte de seadde fêst, sadat wy it sa gau mooglik ferjitte koene. Oft dat slagje soe, wie in oar ding. It waard yndie in prachtige dei, mar ik leau net dat der ek mar ien wie dy't der acht op sloech. Der wiene by ús guon it hiem oprûn mei in hammer, trije spikers en in deade hin. Se bespikeren mei dat bist it húske op 'e kolk en woene dêrmei in driging fan fertriet, fernieling en dea oerbringe. Wat my oanbelange slagge dat aardich. It duorre dagen foar't ik myn tinken wer wat op oarder hie.
| |
| |
| |
Fjirtjin
Job hie in kikkert yn 'e kiel. Fan mem krige ik in wekflesse, dy't se net mear brûkte om't der in stikje glês út 'e râne sprongen wie. No koe se him net mear goed tichtsiede yn de hantsjettel en mocht ik him hawwe. It kaam moai út, yn 'e sleatten siet elke maitiid fierste folle kikkertsjedril. Dat moast derút, dêroer wiene alle bern fan de hiele stêd it iens.
Yn 'e hoksen sieten Harm, Ale en ik by de sleat achter de Hege Seize, wy hoegden net iens te sykjen. Mei in âlde sleef skepten wy de kikkertsjebrij handich yn 'e flesse, foar de foarm kaam der noch wat snileguod by om it hielendal echt te meitsjen. Om't de ruten by ús útseagen op it noarden, wie it te tsjuster foar de fiskjes út it aai te krûpen. Dêrom setten wy it spul achter ien fan de kowerútsjes yn it lytsbûthús.
It lytse wûnder barde alle jierren op 'e nij. It stippelige wetter begûn te libjen. It like wol of koene de swarte kraaltsjes it sels noch amper befetsje. Unwennich skeukten se wat om yn it dril.
‘Sjoch! In sturtsje!’
‘Wêr dan?’
‘Dêr!’
Us opteine praatmûlen leine in laachje damp oer it koele glês, sa benamen wy ússels it sicht. Krekt op sokke mominten ûntkamen de stipkes oan it dril. Noait seagen wy hoe't dat gie, altyd wiene wy te let. De iene kear fergriemden wy ús kostbere tiid op skoalle, de oare kear yn tsjerke, altyd wie der wat. Mar goed ek, in wander oerlibbet allinnich mar yn it ûnsichtbere. De fiskjes giselen troch de ûneinige kosmos fan snileguod, rûkten mei ferbûke noastergatsjes oan de glêzen grinzen fan har bestean. Wy ûntdutsen dat in kikkertsfiskje oars net wie as in gedachte mei in sturt. Yn de swarte kopkes sieten allinnich mar wurdsjes mei in f: fuort! fierderop! fuortendaliks! It sturtsje makke dy winsken mooglik, it glês kearde se op.
‘Sjoch! In poatsje!’
| |
| |
‘Wêr?’
‘Dêr!’
‘Mar wêr dan...’
‘Sjoch...Dy dêr...’
In nij wûnder, alwer net sjoen. No waard it tiid de wekflesse te leegjen. Trouhertich tôgen wy de hiele bringst nei de sleat ta dêr't wy it dril wei hiene, oars koene de heit en de mem har jongen noait weromfine.
Ik mocht net al te faak by Job komme.
‘Wat minder ast witst, wat better it is!’ seine se allegearre. Sa kaam it dat, al wenne er ûnder deselde dakpannen, ik Job amper koe. Hy wie net folle mear as in skym. Soms rûn ik him samar earne tsjin 't liif, op 'e heasouder of achterhûs yn it hok. Alle kearen as ik him sa ûnferwachts oer it mad kaam, koest de skrik yn syn eagen sjen. Net dat dy skrik it lang úthold, Job koe hiel goed en freonlik glimkje, krekt as alle minsken mei in grutte snor. Lytse snorren misten dat effekt, dêr koe ik ek wol in foarbyld fan. Letter seach ik Job hielendal net mear, it nije wie der wat ôf en hy waard wei yn ús ûnbidige pleats. Op it lêst wie it oerdeis net mear fertroud om út it flokhok wei, der wiene dagen dat ik syn bestean fergeat.
As it begûn te skimerjen, kaam er mei de flearmûskes foar it ljocht. Dan prate er wat mei pake of mei heit, hy stapte wat om troch de skuorre en it bûthús, sokke dingen. Hy wie grut, ik net, ik wie noch mar alve. It waard oars doe't ik ta muoikes postrinder promovearre. Geregeldwei kaam ik no by him oer de flier, al wie it soms in hiele toer it brieveguod te besoargjen sûnder dat it al te folle opfoel. It foel net ta kalm te bliuwen, guon brieven hiene skerpe rânen en it gefoelslibben fan myn earme pyltsje hie it der bytiden dreech mei.
‘Jacob, kom eensj hier, wil je?’
Hearrich die ik in stap nei foarren ta, ik stie no rjocht foar him oer.
| |
| |
‘Kan jij goed ziengen of leer jij dat niet van je meester?’
‘Ja... Wij zingen psalmen...’
‘Hmm, zal ik jou een Duitsj liedje leren, wil je dat?’
Ik stimde alwer ta, dat wie no ienkear it maklikst, je hoegden neat út te lizzen.
‘Weet je, het liedje gaat over jou...’
Oer mij? Ferheard seach ik him oan, ik wist net rjocht oft er my no begekke. Mar dat wie net sa, hy begûn te sjongen. Ik koe it ferske al - op skoalle songen wy it fakernôch en dan ek noch yn kanon - it wie Vader Jacob, slaapt gij nog, mar no op syn Dútsk. Moai wie it wol, Job koe goed sjonge. Eins gie it lietsje net oer Vader Jacob, mar oer syn broer, dy't stom genôch ek fan Jacob hiet en al krekt sa'n sliepkop:
Bruder Jakob, Bruder Jakob,
Schläfst du noch? Schläfst du noch?
Hörst du nicht die Glocken?
Hörst du nicht die Glocken?
Ding dang dong, ding dang dong.
It like my in ramp, twa bern yn 'e hûs mei deselde namme, dy heit en mem koene wol raar wurde, mar ja, eigen skuld. Wat ik minder fûn wie it lûd fan de klokken. Yn it bûtenlân seine dy dingen blykber fan dingdangdong, dingdangdong, it soene wol âlde wêze. De Gek wie it hielendal mei my iens, hy hearde ek leaver fan bimbambom - fral fan bom - en liet in skoftke letter al ús moaie klokken út 'e toer weihelje.
Dapper song ik de wurden nei, in nije taal woeks oan myn lippen. Job besocht de tekst sa dúdlik mooglik foar te sjongen, de snor klapte hast yn syn mûle. Hy song de tekst flak foar dy fan my, by elk wurd blaasde de grutteminskelucht my yn 't gesicht. It dreechste wie de s fan sleefstûnoch, der siet in frjemd slachje yn dy letter, mar ik woe it perfoarst goed dwaan, it wie sa echt Dútsk. Ik besocht ek Job syn stim nei te bauwen, mar dat woe net, de
| |
| |
kikkert sprong my yn de koartste kearen út 'e kiel wei. It bist fielde him dêr noch net thús, it wie wend oan Job.
Even letter songen wy it tegearre. Ik begûn, Job foel yn by de twadde rigel, sa hearde dat by in kanon.
‘Ha jim fan 'e middei wol heard wat it hea die?’ sei pake dy jûn ûnder it iten.
Elkenien seach him ferheard oan.
‘No, sis it ris...’
‘Jim leauwe it net, mar it hea hat songen...’
|
|