| |
| |
| |
Fjirde stien
De fjirde stien liket swierder as de oare trije, de eagen knyp ik ta. Troch myn teisters hinne rop ik him op: LeviStrauss. It gnitste geskink dat oarloch oan in bern skinke koe, hoe bang muoike Gel ek wie foar de skerpe tosken en it feninige geblaf.
Twakoppich, fjouwereagich en achtpoatich sit er dêr. Hy sjocht my oan út it ferline wei oer de dagen fan myn jierren, skerp ôfstekkend tsjin it donkere grien fan de liguster achterhûs. Beide tongen - wiene dy echt sa rôze? - pulsearje as fleizige stjerren oan it firmamint fan myn ûnthâld.
Beppe hie by de ein fan de hage op Gibraltar in âlde matte dellein. Dêr, op it súdlikste punt fan Europa hie it bist syn útfalsbasis. It hie in foarleafde foar minsken yn it algemien en manlju mei in unifoarm yn it bysûnder. De oarloch wie dus syn Gouden Ieu. De post weage him al lang net mear op it hiem, wiksele de besteltiden safolle mooglik ôf om kaarten en brieveguod sûnder al te folle skea yn de molkbus by de wei te mikken. Steefêst gisele Levi, op in heale meter folge troch Strauss, dy't wat grutter en grouwer wie, de reed del, om ek dit unifoarm nei de barbysjes te helpen. Dat slagge noait, de reed wie sechstich meter, mar de deistige aksje fan ús nije hiembewenner soarge wol foar in protte fermaak.
Soarch wie der ek. Hoe moast it as gefaar drige? Soe de hûn begripe dat er him deljaan moast as lju mei ferkearde bedoelings it hiem op marsjearden? Job, soest werklik feilich yn it flokhok skûlje kinne as Klaas Brechje, dy't al rillegau nei de ûntdekking fan syn wiere aard fia de tuskenstap ‘buorman Hoekstra’ omset waard nei ‘Klaas Hagel’, yn 'e skuorre omsneupte sûnder krekt te witten wat er socht, mar dy't wol de hoop hie dat er oantreffe soe wat der yn syn swarte geboaden stie? LeviStrauss wie no ienkear
| |
| |
in bist mei fjoer en faasje, de trep nei de foarsouder de tagong nei it oare arbeiderskeammerke op de heasouder. Wy seagen it al foar ús: Job ûnder it hea bedobbe, de hûn twastimmich jankend by de leechste trieme en Klaas Brechje, dy't mar net snapte wat dat ferrekte bist him fertelle woe.
Om 'e fjirtjin dagen sjuttele pake mei op de hânkarre twa amers nei slachter Kuperus om in pânse en wat oar slachtôffal. Altyd gie ik mei, de heimsinnige wrâld fan de dea luts oan my, ek doe al. Pake skode de karre troch de stege nei de achterkant mei de hege griene doarren.
Tsjuster wie it dêr, mei de rook fan stront en bloed, dat fuortrûn troch in goatsje it kanaal yn. Pake sei alle kearen wer krekt wat er hawwe woe en ‘neat fan de baarch, it is foar de joadehûn’. Kuperus lake dan wat en mikte it fluezeguod yn de amers. Op de weromreis siet ik tusken de tsjillen om te soargjen dat de boel net omkipere. De lauwe lucht fan it yngewant hinget my noch yn 'e noas, it piipjen fan it rjochtertsjil yn de earen, as ik oan dy tochten weromtink.
As wy wer thús wiene, draafde ik earst nei de waskamer om mei griene sjippe en bjinder myn hannen en earmen skjin te rossen. Pake hong de fleisboel oer de ûnderste tûken fan de âlde flear, LeviStrauss weefde der fierder wol mei ôf.
| |
Ien
Doe't april '39 omsloech yn dagen fan triennemûlen en gûleagen fanwege it net fersûpen fan Harrie Boven yn de Golf fan Biskaje op side twaentweintich fan beppe har plakkeboek, ûntstie by muoike Gel de gewoante by de Trekfeart op 'e weau te stean. Se rûn derhinne oer it paad troch de finne, sloech ôf by it hûs fan direkteur Skelting en rûn dan by it wetter lâns in eintsje yn westlike rjochting om dêr har fêst plak yn te nimmen. In grappich gesicht wie dat. Ut de keamer wei like it krekt of rôle har dizige
| |
| |
holtsje-briltsje-holtsje-briltsje oer it stek hinne nei Harns ta. Soms stie se mear as in oere mei de hân boppe de eagen yn de sinne op te dikerjen. Beppe hie al gau it nocht derôf.
‘Wat dochst dêr hieltyd?’ frege har brimstige stim.
‘...Ik wachtsje...’
‘Wáchtsje?’
‘Mei dat soms net...’ monkele muoikes sunige mûltsje.
‘Op Harrie?’ frege mem.
‘Ja, wa oars...’
Mem aaide muoike oer 't skouder.
‘Mar Harrie is der dochs net mear?’
‘Jawól, Harrie is net ferdronken, Harrie kin swimme...’
‘Ssssj, sssjj...’
Beppe skodholle, wylst mem har hannen stadich oer muoikes rêch glieden.
‘Wêr hellet se it wei, wêr hellet se it wei,’ bromden beppe har fûterlippen.
Muoike begûn te gûlen, har fêste reaksje op problemen.
‘I-i-i-k k-hi-hin der nea-heat-oan-dwaahaan’
Har lûdsjes balansearren as akrobaten op 'e stimbannen en floepten ien foar ien nei bûten ta, om har op it pleintsje foar de mûle oan elkoar te riuwen ta wu-hu-hurdsjes.
‘...Mar kinst dêr dochs net hieltyd wat stean te...’
‘Jawol, dat kin ik wól, en mem hat neat oer my te sizzen, ik doch wat ik wol, want Harrie hâldt fan my en al is it dan gjin boeresoan, DAT KIN MY NEAT SKELE!!! Of hat mem noait yn 'e bibel lêzen oer Jona, dy't fan it skip ôf sprong?
‘...Ja mar...’
‘Niks ja mar, mem wi... hit bêst wa... hat i-hik bedoel, OF NET SOMS?’
Ik bepunte muoike mei in njoggen. Myn gedachte wie dat Jona rêden wie troch de walfisk, dêr hie muoike gelyk oan. Mar soe God alle walfisken yn alle tiden bestjoere? Dat stie hielendal net fêst. Minsken fersûpten omraak, dat wie gjin wûnder, want it
| |
| |
wie foar straf, mar der wiene ek wol grifformearden dy't ferdronken, dêrom in njoggen en net in tsien.
‘OF NET SOMS?’
De wurden waarden sein, flústere, útraasd, alles, alles. It gie sa mâl dat se my fergeaten.
‘...EN NO IS'T...UT!’
Beppe joech mei de iepen hân in daverjende klap op 'e tafel.
‘IK LIT MY HJIR NET DE WET FOARSKRIUWE YN MYN EIGEN HUS!’
Dit wiene de tsien punten! Fan skrik stuitere ik nei achteren ta, wat net al te handich wie, want no seach mem my sitten. Se stjoerde my mei in t.o.e.m.a.r. fan de tredde kategory nei bûten ta, wat ik net die, ik wie wol goed, mar net gek.
Ik slûpte fuortdaliks de foarsouder op oant ik krekt as God rjocht boppe muoike Gel siet. Guon sinnen koe ik net hielendal folgje, mar ien ding stie fêst: muoike Gel woe net om 't lyk, hoe faak beppe har swiere stim ek troch de keamer hinne en wer batste. Ik miende dat pake ek noch even yn 'e keamer wie. Hy besocht de situaasje ôf te breidzjen mei in grapke, teminsten oan de toan te hearren, mar echt súkses hie er der net mei. Hy hold no ienkear net fan spul, ik leau net dat er goed oer al dy hurde wurden koe. As beslút fan it trelit klapten der noch in pear doarren. Earst de keamersdoar, doe ien op 'e gong oan de westkant. Dat wie muoike Gel, dy't it slachfjild ferliet.
Ik stie op it punt nei ûnderen ta te gean, doe't ik hearde dat der ien troch de skuorre rûn. Doe't myn binneneach oer de râne fan it klompehok kipe, seach it krekt de flits fan in sinnestriel yn muoikes rûne bril wjerkeatsen. Se stampte beret ta de syddoar út. Soe se werklik nei de feart? Ik wachte foar de wissichheid in pear tellen - it wie hiel goed mooglik dat beppe of mem der achteroan gie - mar doe't de kust feilich like, stoden de flugge fuotten fan Jacob Nauta by de trep del en brochten se him earst nei it skuorrút en doe fia de achterdoar nei bûten ta. Even letter seach ik mem ek nei de feart ta gean. Al gau rôle har holle oer it stek
| |
| |
rjochting Harns, mar in fiif minuten letter smiet se in danmoatst-it-sels-mar-witte-hân omheech. Se krige it net foar elkoar muoike op oare gedachten te bringen en as mem it net koe, dan koe gjinien it.
Op bêd besocht ik in gebed te sizzen. Dat wie net maklik, want bidde wie in hiele keunst. Ik soarge der sekuer foar dat ik net te folle algemiene dingen sei. God koe der op 't lêst wol sljocht fan wurde as alle minsken foar alle oare minsken begûnen te bidden. It like my ferstanniger nammen te neamen, al wie it fansels ûnmooglik elkenien te kennen. Dan moasten je fan miljoenen minsken de nammen witte, wat in moai ferlechje wie dit part fan it gebed oer te slaan. De folchoarder like my ek fan belang. It wie it bêste te begjinnen by de lju dy't it measte belang hiene by in goed wurdsje. Muoike Gel stie dy jûns op nûmer ien. Ik ha God útlein wêr't er muoike, as er har sa gau net fine koe, sykje moast, nammentlik by de Trekfeart, in eintsje rjochting Harns. It soe moai wêze, sa sei ik, as de Melba de oare moarns oanfarren kaam mei Harrie Boven, dy't op nûmer twa stie. Mei soarch lei ik de Aldman út wa't dat wie, hoe't er derútseach en dat er nei alle gedachten te finen wie yn de Golf fan Biskaje, tusken Frankryk en Spanje. Dat lêste wie miskien net nedich, God soe wol witte wêr't dat wie, hy hie de hiele blikstienderse boel op 't lêst sels skepen. Op it tredde plak sette ik beppe, om't ik dy noch noait sa lilk sjoen hie en dêrnei gie ik oer op de hiele famylje sûnder fierder nammen te neamen, want dan koe 'k wol oan de gong bliuwe. Ik fertelde, mar hjir begûnen de wurden al te stykjen, oer myn ûngerêstens. Ik wie net wend oan al dy hurde taal. Ik hie dat fan pake, dy't der ek min oer koe. Ta beslút kaam ik nochris werom op Harrie Boven. In wûnder soe, sa tocht ik, ús allegearre goed dwaan, mysels ynbegrepen, want hoe moast ik sûnder syn fiere oanwêzigens der oait yn slagje it postsegelskrift fol te krijen?
Amen.
| |
| |
| |
Twa
Wiene wy net betûfte smokers? As de stjonksigaren brún waarden, dûkten wy de ûnderwâl yn om se tusken it reid wei te heljen mei mem har bôlemes. Prachtich wiene dy dingen. Earst wie der noch hielendal neat. Hiest der gjin erch yn dat se stadich en sûnder lûd te meitsjen út de drekkige boaiem fan de sleat wei teanten. Sintimeter foar sintimeter krûpten se omheech, har ferkennerseachjes sirkelen allegeduerigen yn it rûn. As wy by de wâlen del rûgelen om salamanders te fangen, holden se skoftenlang de siken yn en wachten geduldich oant wy wer ophoepelen. As it hurd waaide, bûgden se mei, sierlik risselen de stive blêden. Yn 'e stilte fan 'e jûn stiene se as ielreagers geduldich grien tusken it oare reid om dan dy wûnderbaarlike metamorfoaze te ûndergean nei it djippe brún dat har - yn ús jongeseagen teminsten - sa kostber makke.
Earmfollen tôgen wy nei it hok ta, it spul moast earst goed rypje, oars woe de brân der net yn. Alle dagen leine wy de stjonksigaren - Foppe Briltsje sei fan bollepysten - op de kolk by it-húske-mei-de-balke. De sinne hie macht genôch en op de tarre planken bakte it as in gek. It gie bytiden sa mâl dat de sigaren suver fan benaudens begûnen te plúzjen, wat fansels net de bedoeling wie. Dan moast der net te lang mear wachte wurde, oars rekke it ferbân út 'e plûmen en it stonk ek noch helte mear.
Smoke mocht allinnich bûtendoar. De wâl om de kuilbult hinne wie it favorite offerplak. Mei de omheech kringeljende smook tilden wy ússels út boppe liif, leeftyd, pleats, stêd, provinsje, lân, ja, sels boppe it hielal út. Wy sweven boppe de skepping en wiisden as folwoeksen keardels nei de wrotters ûnder ús. Sjoch, dêr rûnen heit en Sjoerd oer de reed, ûnderweis nei it lân, harken oer 't skouder.
‘Helpe mannen?’ rôpen wy út ús wolken fan reek wei.
Sjoerd stuts in hân omheech en heit seach allinnich mar. Dan net, oare kear better, sels mar witte, wy hawwe it oanbean, of net soms?
| |
| |
‘Frou Nauta, dat dogge jo ferkeard!’ lake Ale, doe't er seach hoe't mem de wask oan 'e line hong.
‘Hoedatsa?’
Har ljochte hier dûnse ús kant op, wylst har hannen gewoan trochkniperen.
‘Dom wurk moatte jo dwaan lítte!’ raasde Ale syn smookmûle achter de stjonksigaar wei. Dát wie in bêste mop, dy moasten wy ûnthâlde, want sok praat kaam oeral wol fan pas. Hoefolle minsken diene op 't lêst oars net as dom wurk. Eins wie alle wurk dom, want wat hiene je deroan? Je waarden allinnich mar wurch en dat wie net tûk. Wy wiene oars. Sieten wy net op 'e wâl om de kuilbult hinne en hiene wy it net moai besjoen hjir te sitten? Hiel wat better as mei de oaren mei te dwaan! De krollen by de waskline laken fan ‘jaja, doch do it dan!’ Mem snapte ek niks.
De barnefelders fûnen Ale syn sechje wol moai. Op in rychje sieten se foar it gaas, de kopkes mei de flitseachjes skean ús kant op. Noait soene se ús ferjitte: trije jonges mei wolken raaswurden om 'e holle, mâltjirgjend op in pear meter fan it feilige hok.
‘Kwòòòk?’ fregen se har fêste fraach.
‘Wêr is de âld hoanne keard?’ woe Harm witte. Wy dikeren troch de reek hinne nei it hok, mar it bist wie yn gjin fjilden of wegen te bekennen.
‘Miskien sit er wol op 'e souder oan 'e sigaar!’
‘...Of leit er in aai...’
Alwer in grap fan komsa. Wat in fermaak sa te smoken sûnder ek mar ien besteklik wurd te sizzen. Ik fielde my in kening gelyk, in foarst op syn hege troan. Wat koe ús deare? Wa hie ek noch mar ien ding oer ús te sizzen? Wy soene sels wol útmeitsje wat wy diene of wat wy net dwaan woene, ferjamme noch oan ta. Skikke soene wy ús allinnich mar as wy deselde kant op woene. Sels heiten en memmen moasten mar wenne oan it nije rezjym. In opdracht soe noait mear op deselde wize útfierd wurde. Juster wiene wy ommers noch mar bern, lytse bern, dy't tochten en diene as alle bern. Je harken nei de dingen dy't sein waarden, mar
| |
| |
no kaam der in oar, nij gefoel oer ús hinne.
De orakelreek makke ús de koppen dwyl, âlde wearden namen nije en ûnferwachte foarmen oan. Wie dat de reden fan ús roppen en razen? Beppe skodholle doe't se de barnefelders fuorre.
‘Sille jim hast net ris ophâlde, jim sitte dêr mar wat...’
‘Wolle jo ek in sigaarke?’ smûge Harm.
‘Ik bin gjin man, wol?’
‘Nooo...,’ prommele Ale, mar hy weage it net syn twifel lûdop te sizzen.
Ik wist fuort dat beppe it heard hie. Ik wist it, om't har earm even stike doe't se de barnefelders fuorre. Ik fielde dat Ale har, al wie it miskien mar even, sear die en op slach skeat syn feninige wurdsje my ek troch it liif hinne.
In gefoel fan ûnrêst naam it yn ien klap oer fan de gekkichheid. Der wiene ommers wol in miljoen dingen om je soargen oer te meitsjen. Hoe soe it komme mei alle minsken, dy't oeral oan it fjochtsjen wiene? Kamen de Alliearden hast oan fia de Tsjommerfeart en soene wy de frijheid noch meimeitsje? Slimmer noch, ik wie hast fergetten op myn iepenst te wezen. Want hoe grut en ûnoantaastber ik my ek fielde troch de smook en al hiene de stjonksigaren ús noch sa heech optild, no't de reek ferwaaide, foelen wy ek like hurd werom nei de ierde ta. De sinne struts noch krekt mei in lêste strieltsje oer de eastkant fan it dak. De sydkanten fan de pannen ljochten op en leine lange skaden as taastende fingers oer de pleats. Hjir en dêr flitste in glêzen dakpanne tusken de oaren wei. Achter de fierste siet Job te wachtsjen op de jûn, want dan wie it feilich genôch út it flokhok wei te kommen en in praatsje te meitsjen mei pake of heit.
| |
Trije
Hieltyd faker kaam ik eagen en earen tekoart om de minsken om my hinne nei te kommen. Wie ik net hast tolve? Ald genôch om
| |
| |
te witten dat de wurden dy't sein waarden, soms net folle mear as geveltsjewurden wiene, brûkt foar de foarm, om't it sa hearde, oare minsken soene har sear dwaan kinne en om noch in miljoen oare redenen. Wêrom hie beppe hieltyd faker lêst fan it pineholleslankje, wêrom sei heit net in wurd te folle? Mem bêde de oaren del, mar wêrom die se dat en koe se sok dwaan noch lang folhâlde? Ik tocht fan net. Mem koe de lêste tiid sa út 'e slof sjitte.
Muoike Gel wie in ferhaal apart. Har gedachten soe ik wolris lêze wolle, want al dy glânzgjende gûlwurden, beskrobbe mei triennen, soene dochs net samar nei bûten ta streame?
En dan wie pake der noch. Nei't wy werom kamen út Ingelum wei op in roetkâlde winterdei yn jannewaris, wie er net mear deselde. Syn grapwurdsjes, oars fel fan kleur, wiene doffer en doffer wurden, op it slytske ôf. Soe dat komme om't omke Geart der net mear wie? Fan alle dingen wie dit noch wol it frjemdste: oer omke hearden je neat, sels net ien wurdsje en wêrom net? Ik soe freegje kinne, mar ik doarst it net.
Myn binneneach joech belies, it binnenear like allinnich mar te sûzjen, mei in heech en skril lûd. De stilte achter de wurden makke my bang, benaude my mear as dat ik tajaan woe. Maria joech it antwurd. Net de Maria fan Jezus, mar Moaie Maria fan de ferkearde kermis, dy't foar in dûbeltsje de takomst sjen koe yn in glêzen bol troch it ding op te wriuwen mei in lapke échte side. As it glês skjin wie, lei se har hannen op de bol, song in wyske sûnder wurden en struts yn floeiende bewegings de takomst oan it ljocht. De bol wie fan glês, krekt as de romers yn de moaie keamer, dêr't allinnich mar út dronken waard op feestdagen. Ik pakte wolris sa'n romer om dertrochhinne te sjen, om te sjen hoe't lange dingen breed waarden en brede lang, hoe't de moaie tafel útfloeide en kromp, eb en floed yn de keamer. It glês koe kantelje, dan seachst alles wer oars en wer oars en nochris. Koest sels it hiele bestean op 'e kop sette, lykas yn 'e ringen fan omke Geart.
Ik betocht dat it better wie as God minskehollen net fan stof makke hie, mar fan glês. Safolle mear muoite hie dat net west.
| |
| |
Wat sân, fjoer en in piip om te blazen, dat wie alles. Jacob Nauta, mei al syn binneneagen en -earen, soe it op priis steld hawwe en hie as tank noch grifformearder west as alle oaren by elkoar. Mar it koe God troch 't sin sketten wêze, it wie net út te sluten mei al dy drokte yn it boek Genesis.
Wat Hy achterwege litten hie, soe ík rjochtbreidzje. Ik tocht dat in fleske of sa in gaadlik ding wie om gedachten achter wurden sichtber te meitsjen. Al gau hie 'k in moai eksimplaar te pakken. In skoftlang koekeloerde ik fan alle kanten troch it glês hinne nei muoike, mar hoe't ik ek kuerde, har holle bleau stiif yn 'e knop sitten.
‘Wat bist oan 't dwaan?’ frege se achter De Courant wei.
‘Neat...’
‘Net wier!’
‘... ...’
‘No?’
‘Hast muoike net heard?’
Dat wie mem, dy't my sels noch bestjoerde ûnder it sokstopjen.
‘Ik sjoch troch in fleske...’
‘Ja, dat wit ik ek wol, mar wêrom sjochst nei my?’
‘Uuuh...’
‘No?’
‘... Dan krijt muoike in grappige holle...’
‘Lit sjen!’
Ik joech it fleske. Muoike sette it rûne briltsje rjocht op 'e noas en hong it fleske derfoar. Ik betocht dat in bril derby yndie better wie. De dingen tearden iepen en waarden noch útfergrutte ek. Sa koene je de gedachten fan in oar al better sjen! Stom, dat ik dêr net earder oan tocht. Underwilens bestudearre muoike my as in ynsekt ûnder de mikroskoop.
‘Sa krijst noch in hegere foarholle, en sa...’
‘Wat sa?’ woe mem witte, dy't it ek grif besykje woe.
‘...Sa steane syn earen noch fierder út elkoar!’
| |
| |
Muoike lake mei it lûd dat hynders meitsje as se troch in farsk begrinte reed wâdzje. De hân fan mem frege. Se beseach my troch it rotearjende glês.
‘Moatst it op 'e kant hâlde en dan nei it rút ta, dan krijt er wide earen!’ fjurre muoike mem oan. Dit wie hielendal neat. Ik krige it fleske werom, sette it op it dressoir en frege my ôf oft mem en muoike myn echte gedachten ek ûntdutsen hiene tusken de gewoane dingen. Wat in gelok dat it yn myn holle op dat stuit in tizeboel wie.
Ik moast wat oars betinke. Miskien soe it helpe as ik it ris besocht sûnder gleskes, dat foel in stik minder op. Ik knypte de eagen ta oant de teisters elkoar hast rekken. Om better te sjen, stjoerde ik mear ljocht nei de pupillen troch de holle wat achteroer te hâlden. Foar de feilichheid pakte ik myn boek oer Si Ardjoe en syn buffel derby om in antwurd te hawwen as frege waard wat ik no wer die.
Dêr siet ik. De lêzer Jacob Nauta lei it boek op 'e tafel en liet syn eachlidden sakje. Achter it fertsjusteringspapier fan 'e teisters wei konsintrearre er him foar de twadde kear op de gedachten fan muoike Gel. Hy bylde him yn dat it hier stadichoan fan de holle sakke. Doe brânde er los op muoikes krún oant dy begûn te ranen ûnder de heech oprinnende temperatueren. It wurke! Hy seach in man. In man mei in pet, in boat. Fansels, dat wie Harrie Boven, de stjoerman dy't al jierren ûnder wetter wie. Dus hjir hold er ta, djip yn 'e gedachten fan muoike Gel. Jacob Nauta seach nochris better. Wa seach er noch mear? Dêr! Achter Harrie Boven siet noch ien, in bytsje yn elkoar dûkt, sadat net goed te sjen wie wa't...
‘Jacob?’
Mem seach my oan, besoarge, mar ek in bytsje nidich.
‘Wat. Bisto. Oan.It. Dwaan?’
‘Lêze...’
Wy wisten allebeide dat myn antwurd net wier wie. Ik skode de stoel achterút, pakte Si Ardjoe fan 'e tafel en mei de buffel makke ik dat ik fuortkaam.
| |
| |
| |
Fjouwer
‘Wat vind je eigenlijk dat ik hier zomaar ben komen binnenvallen?’ frege Job.
Wat moast myn mûle dêrop sizze? Ik hold it mar op ‘moai’, ien wurd koe derôf en ‘moai’ wie fatsoenlik. As je net wisten wat te sizzen, wiene sokke wurdsjes in útkomst, je koene der net genôch fan hawwe.
De hiele dei siet Job op it keammerke ûnder it hea, want se wiene oan 'e gong op it oefenlantsje fan Berend Kúpke. Mei safolle lânslju oare kant spoar fertroude Job it foar gjin sint en bleau er moai sitten wêr't er siet.
Job fermakke him wol, sei pake, want hy hie trije boeken yn 'e tas. It wiene Dútske boeken yn it Dútsk en boppedat mei sokke rare letters, it wie in merakel dat ien soks lêze koe.
‘Dêr moatte je Dútser foar wêze,’ skodholle beppe doe't se de kronkelletters seach.
‘Gjin wûnder dat se dêr sa op 'e doele binne,’ tocht mem.
Allinnich muoike fûn it ‘skytmaklik’, sy hie de MULO en bytiden koe se it net litte ús dat ûnder de noas te wriuwen. As demonstraasje lies se in pear wurden foar.
‘Maklik,’ plakte se der nochris achteroan. Job lake mar wat.
‘Geute,’ sei er en hy kloppe op in read boekje.
‘Isj prachtig, hééél goede dichter, kijk maar!’
Hy blêde wat yn it boek om oant er in foar ús gaadlik gedicht fûn.
‘Dit gaat over de avond, heel goed voor dit moment, niet?’
Sa sieten wy om de tafel hinne: pake en beppe, heit, mem, Sjoerd, muoike en ik. Foar it earst yn ús bestean harken wy nei in bûtenlanner út Hilversum, dy't in Dútsk gedicht foardroech fan in dichter dy't ‘Geute’ hiet en dat koe bêst, want yn it bûtenlân hiene alle minsken aparte nammen. Wy hearden wol faker Dútsk, mar dat klonk altyd as in kûgelskot. Om't wy noait oaren hearden as De Gek en syn maten, mienden wy dat de taal fan ús
| |
| |
buorlju allinnich mar út betonnen letters en stielen raaswurden bestie. En no siet Job hjir, dy't net lies, mar song, sa moai klonk it. It gie oer in jûn, ik tocht in winterjûn, want it wie samar út.
‘Begrijp je 't wel?’
It giet oer fûgels, dy't útrêste fan de dei,’ juffere muoike prot, oanfjurre troch har diploma.
Ik hie al begrepen wêr't it oer gie. Under it lêzen fan dy pear rigels seach ik de protters tsjin in reade loft delsaaien yn de kastanjebeam healwei de reed. Noch even koest se hearre, dêrnei waard it stil wylst it lêste ljocht de eagen tichtdie. De ûnrêst fan de lêste tiid sakke by my del en ferraande mei it flierkleed. Job lies in oar gedicht, mar ik siet noch by dy beam mei sliepende protters, dy't as fruchten oan de tûken hongen. It byld wie te moai om los te litten.
Letter op dyselde jûn kaam beppe har plakkeboek op tafel.
‘Lit Job mar sjen hoe goed...’
Ik stode al nei de boekekast ta. Noait fielde it mei linnen beklaaide kaft leafliker oan as op dizze jûn.
‘Sykje Haasum mar ris op,’ gniffele pake.
Gjin keunst oan!
Sa't de Alde Swarte sekuer wist hoe't er thúskomme moast, sa wisten myn bjusterbaarlike fingers de wei yn de ‘Schoolatlas der Gehele Aarde’ fan Bos en Niermeyer, útjûn troch Wolters yn Grins en Batavia, want de earme minsken koene dêr dan moai sjen wêr't Nederlân lei en wêr't it sindingsjild hielendal weikaam. No sieten dêr de Jappen en dus...
‘Wat isj Haasum?’ woe Job witte.
‘Hilversum,’ gniisde pake en hy rûn mei de wiisfinger omheech nei it dressoir om potlead en papier.
‘Hoecht net juh...,’ fûn beppe, mar pake sloech har wurden as miggen fuort. De hiele plaknamme waard opskreaun, de oerstallige letters fuortskrast oant allinnich de H en sum huverjend fan de kjeld op it perron oerbleaune. Job knikte, lake fan ‘aha jaja’ en struts mei syn fingers oer de snor.
| |
| |
‘Heb je daar lang gewoond?’ woe muoike witte.
‘Eensj kijken... vier jaar, nou ja, drie en een half...’
Hy stuts fjouwer fingers yn 'e loft, pakte mei syn oare hân de pink en by it lêste stikje fan syn antwurd bûgde er syn pink troch de helte.
‘...En waar woonde je eerst dan?’
‘Oorsjpronklijk? Ja, ik woonde in Aken, Aachen zeggen wij...’
‘Jacob?’
Mar ik wie al ûnderweis nei Dútslân op kaart tweintich. By it omslaan fan de siden sochten myn betûfte eagen de westkant fan it lân ôf. In oanwiisfinger sigesage út Essen wei de Rijn oer, swalke even om yn 'e kontreien fan Düsseldorf, reizge nei Keulen en sette doe oer it spoar ôf rjochting Aken, dat dochs tichter by Nederlân lei as dat ik ferwachte. Mem glimke tefreden en Job makke in komplimintsje.
‘Heel goed, sjnel gevonden!’
In hierke stuts eigenwiis út 'e snor wei en wiggele mei op elk wurd. Job fertelde mei mûle en hannen oer in bestean, syn bestean yn Aken. Yn de Elisabethstrasse hie syn famylje in boekewinkel - ‘Boechhandloeng sagen wier!’ - hân mei, as wy it leau-we woene of net, tûzenen boeken. Wy koene sa gau gjin reden betinke om dit net te leauwen, wêrom soene wy? Ek twifele gjinien oan de oare dingen dy't er fertelde oer de tritiger jierren, problemen foar Joaden, hoe't de winkelruten stikken smiten wiene, it opbaarnen fan boeken út 'e synagoge en alle oare grappen fan De Gek dêr't wy genôch fan heard hiene, mar dêr't wy leaver neat fan wisten. En wêr wiene syn âlden no? Hie Job soms ek broers, suskes? Mei elke sin sakke de frede fierder troch de flier. Nee, fan syn âlden hie er al mear as in jier neat mear heard, hy wie in ienlingsbern. Yn Hilversum siet in printer, kunde fan syn heit en sa wie er dêr telâne kommen. Mar bliuwe wie te gefaarlik, te gefaarlik.
Stil sieten wy om 'e tafel hinne, de hollen foardel. Allinnich beppe siet rjochtoerein, de hannen op it taffelskleed en strak
| |
| |
seach se Job oan. Pake plakte it ferhaal ticht mei ‘jajaja’ en ‘nonono’ en ‘sjih!’ as it al te mal waard. Mei grutte stoareagen seach mem oer de grinzen fan ús lân hinne. Ut en troch skodholle se en even tocht ik dat se Jacob Nauta de keamer útstjoere soe, mar dat die se net. Muoike en heit seine neat, Sjoerd flokte ynwindich en ik fergeat dat ik akteur en punteteller wie, ik tocht even net oan myn Geheime Plakken en Manieren Fan Dwaan, binnen- en bûtensintugen stiene útranzjearre op in sydspoar te wachtsjen op bettere tiden.
Ik krige noch wat drinken, mem brocht my op bêd. Yn gedachten seach ik Job yn de winkel fan syn heit. Om him hinne leine en stiene boeken, tûzenen boeken, miljoenen boeken fan bekende en ûnbekende skriuwers. Om it hoekje fan sa'n boekekast seach ik mysels. Ien foar ien naam ik se yn 'e hannen, ik fielde de kaften, rûkte oan it nije papier. Allegear woe ik se lêze, want der wiene sa'n soad dingen dy't ik noch net wist. Bûten de winkel seach ik silhûetten dûnsjen om in brânende bulte, mar ik wist dat, hoe mâl guon minsken ek diene, gedachten - krekt as Daniël - net gefoelich wiene foar fjoer.
Ienris soe de frede komme. Nije boeken soene printe warde en de lege plakken ynnimme, krekt sa't de wolken diene as oare wolken fuortwaaiden. Ik soe om in gedicht sykje, in gedicht fan Geute en as ik it fûn, dan soe myn eigen stim de warden sizze, de wurden dêr't ik by tocht oan protters dy't tsjin in reade loft delsaaiden yn de kastanjebeam healwei de reed. Ik soe lústerje nei har praatsjes oant it stil waard yn myn holle, fredich stil.
| |
Fiif
‘Is jim omke hjir ferdronken?’ frege Harm doe't wy by de feart lâns rûnen. Hy sei it, gewoan tusken oare dingen troch, dingen as ‘wat sille wy?’ en ‘wannear is it fakânsje?’ Ik twong myn skonken troch te rinnen.
| |
| |
‘O...ik wit net...’
En ik wist it net, ik wist net dat er fer dronken wie. Ik seach fansiden nei it tsjustere wetter, mar dat fertelde ek neat, ûnskuldich skolpere it fierder.
Mem hie it my - wy wennen doe noch yn Ingelum - op in sneintemoarn ferteld. Wy soene nei tsjerke, se die heit de strik foar, en ik fielde oft ik myn muntsje wol yn 'e bûse hie. Heit wie wyt om 'e holle, mar dat wie wol faker sa, ik socht der neat achter.
‘Jacob?’
Ik skrok ûnwillekeurich. Wie it de toan, de klam dy't ferkeard lei?
‘Heit moat nei pake en beppe ta...’
Mem seach my oan, mar heit net. Hy stie dêr as in stânbyld, stiif en ûnbeweechlik, de holle licht yn 'e nekke om mem de romte te jaan. It like krekt of seach er fiere fierten, te fier om sels mem mar op te merken. Heit sei noait in soad en alhielendal net tsjin my, dat wie ik wol wend. Foar de Nauta-mannen leine de wurden no ienkear net foar it opskeppen, hoefolle redenen der ek wiene om krekt wol wat te sizzen.
‘...Der is wat mei omke Geart...’
‘Wat is der dan?’
‘Och...’
Ik wist fuort dat it mis wie, hielendal mis. Ik hope net iens op in brutsen skonk, in ûngelokkige fal of stikkene ribben. Al wiene der noch safolle slimme dingen om in kar út te meitsjen, ik die it net, want ik fielde dat ik omke foargoed kwyt wie. Dochs socht myn ferstân in útwei.
‘Mei 'k mei?’
Mem skodholle.
‘Wy geane gewoan nei tsjerke ta, heit rêdt him wol.’
Heit die hastich de jas oan en joech mem in tút wêr't ik by wie. Dat die er oars noait en myn skrik waard allinnich mar grutter. Mem joech noch gau it persoansbewiis, út de syddoar wei seach
| |
| |
ik heit it hiem ôf fytsen. Heit wist dus al langer dat er fuort moast, want syn fyts lei út elkoar en de ûnderdielen wiene út it sicht set.
De rest fan dy snein yn maart bin ik fergetten. Ik sil wol mei mem nei tsjerke ta west hawwe, wy hawwe grif wat iten, ik wit der neat mear fan. Ik keutele dy middei wat om yn 'e skuorre by de kninen, mar eins wachte ik op heit. Doe't er thúskaam, sette er de fyts tsjin 'e muorre, seach my even ferstuivere oan en rûn sûnder in wurd te sizzen troch nei it foarhûs.
Hoe lang sil er yn 'e hûs west hawwe? Tsien tellen? Tweintich? Myn fuotten draafden achter him oan. Dêr siet er by mem oan tafel en hy hold har hannen beet. De wurden dy't ik al ferwachte hie, klonken sacht, koart en earnstich. Myn earen koene se net iens hearre, de letters spatten ien foar ien as bûltsjes út elkoar. Mem har iene hân liet heit los om my derby te heljen. Ik gûlde al doe't se my noch net iens beet hie.
‘Skrik mar net leave... omke Geart is stoarn...’
Hoeden beitele mem de skerp ôffrede wurden yn it bonkehurde granyt. Foar ivich soene se dêr bewarre bliuwe, alle dagen fan myn fierdere libben soe ik se lêze kinne en wer en nochris.
‘Skrik mar net leave... omke Geart is stoarn...’
Stoarmen waaiden, de wyn koe noch sa gûle, snie en iis soene it sicht op dy ôfgryslike wurden benimme, mar altyd soene se wer opdûke, yn dreamen, oerdei, samar ûnder it wurk, ynienen wiene se der wer en alle kearen soe der in pynlike stek troch myn ûnderliif jage wurde.
‘Skrik mar net leave... omke Geart is stoarn...’
Foar it earst fan myn libben waard ik frege foar in begraffenis.
‘Wolst ek mei, Jacob?’
Ik knikte.
‘It hoecht net, hear...’
Mar Jacob Nauta soe mei. It wie op 't lêst de begraffenis fan syn omke Geart, de iennichste omke dy't him oppakte en op in
| |
| |
stoel stapte om him tusken de balken fan de keamer fleane te litten, sadat er de stille wrâld tusken de balken as in wikel ferkenne koe.
‘Nee, ik wol...’
Heit seach my oan.
‘Dus... mei?’
Ik knikte wer.
‘Lústerje! Ast gûle moatst, dan gûlst, mar doch it wol sacht. Oars hearre se it allegear. En de kiste...’
‘Soest it...,’ besocht mem heit op te kearen.
‘Ja... uh, yn de kiste leit omke! Der binne minsken, dy rinne derhinne om him te sjen. Dat kin. Mar do hoechst dat net te dwaan. Dat is net foar bern!’
En tsjin mem: ‘Tinkst derom, dat hoecht er net te sjen, begrepen, dat hoecht net...’
‘Ja ja,’ sei mem en dat wie heit syn ynstruksje foar bern op in begraffenis. Ik soe it ûnthâlde, echt wier, ik soe gûle oant alle triennen fuortspield wiene, mar gjinien soe it hearre, want dat hearde sa en yn de kiste lei omke, mar ik woe him net sjen, want dat wie net foar bern. Begrepen? Jacob?
Yn it fakuüm fan de woansdei glieden wy as stille fisken mei de bus nei Ljouwert ta en doe fierder mei de trein op de begraffenis fan omke Geart oan. Earst giene wy nei de pleats. Oan beppe wie neat te fernimmen. Se lei my in hân op 'e holle en sei fan ‘och, och,’ want mear wie der net te sizzen. Pake siet as in dea moskje by de tafel, de eagen read fan fertriet en ik soe hast gûle doe't heit syn wurden my sterk makken. Begrepen? Jacob?
De tsjerke wie heal fol. Pake, beppe, heit en muoike stiene op in rychje, as flinters fêstpript op de preekstoel. Alle kearen as der minsken by de kiste weikamen, waarden se oan in toutsje omheech lutsen. Dat die God, want dy wist krekt as heit hoe't it hearde. Begrepen? Mei in oar stikje tou luts De Grutte Poppespiler om bar in masinale earm út 'e muorre fan myn famylje wei. Sachte wurden waarden sein, geheime wurden, omfieme troch it
| |
| |
dekoarum fan spionaazjehannen en knikkende hollen.
Dûmny Schaap preke oer it skiepke dat by de keppel weirekke wie. Hoe faak hie 'k dat ferhaal net heard? En alle kearen kloatsekke Jezus der achteroan en slagge it him dat ferrekte bist te finen, hoe wie it mooglik. As ik Jezus west hie, dan wist ik it wol. Ik hie dat ding in wad ferkocht en him dan nei slachter Kuperus brocht, dan barden je der noch wat foar. Healwize gedachten, mar ik tocht se, stik foar stik foar stik.
Nei de preek begûn dûmny in gebed dat wol in begjin, mar gjin ein hie. Doe't it wat al te bot siigde, waaide it wurdsje ‘amen’ fuort en hoe't dûmny ek socht, it wie net mear te finen. Miskien hie er Jezus better freegje kind, want dy fûn alles, mar op sokke gedachten kamen dûmny's blykber net...
‘Hé Dzjekkyboai!’
Hoeden sochten de fertroude wurden in slûpwei nei myn earen ta. Stokstiif siet ik yn 'e bank by mem op it hoekje. Omke Geart?
‘Dzjekkyboai!’
It wie echt omke, dy't dat sei. Wa oars neamde my sa? Gjinien dochs? Boppedat koe ik it rûke. Ik snúfde de lucht út it stjonkfleske nei binnen ta en ik wie sa wis dat ik begûn te glimkjen. Soe omke syn spierballen ek meinommen hawwe? Dan koe ik noch ienkear fleane, in lêste kear, mar dan noch heger. Dêr fielde ik syn hannen al yn myn siden! De eagen knypte ik fûl ticht en in tel letter sweve ik oer de monotoane bidwurden fan dûmny Schaap hinne, tusken de trekstangen boppe yn 'e tsjerke troch. Djip ûnder my stie omke op it hoekje fan de bank, syn gesicht nei my ta en hy lake.
‘Haaijer Dzjekky?’
Ja! Ja! It koe net heech genôch en sa'n romte hiene wy noait hân, toe dan omke, toe dan! Wêrom wiene wy hjir, der wie ommers gjinien om begroeven te wurden? Nee?
Doe seach ik de kiste. Fan boppen ôf like it of wie ik even los fan de werklikheid, mar no wist ik dat it oars wie. Omke lei sa
| |
| |
bleek te sliepen, de biddende hannen gear op it boarst. Omke wie...
‘Amen!’
Dûmny hie it ferlossende wurdsje fûn, it lei de hiele tiid gewoan op it rântsje fan de preekstoel, mar om't er de eagen ticht hie... Wy songen in psalm, alwer oer in hoeder, it hold net op. De dragers kamen troch it middenpaad nei foaren ta. Se fregen wa't omke noch sjen woe, mar der wie gjinien. Wêrom woene se omke net mear sjen? Moast er no foar altyd allinnich yn dy kiste lizze? Ik seach mem oan en doe, samar ynienen, dripten de triennen my sûnder lûd te meitsjen út 'e eagen wei. Hie ik mar grutter west. Ik soe grif oerein komme om nei omke ta te gean. Wie ik op it lêst net syn Dzjekkyboai?
Se pakten it deksel en leine dat op 'e kiste.
‘Poppetje gezien...?’
Sjoch no wol, dêr wie omke alwer. Troch myn triennen hinne lake ik, dy gekke omke ek.
‘Kastje dicht...,’ preuvele ik bliid.
Mem seach fersteurd fansiden. Mar se hie my leau 'k net ferstien.
| |
Seis
Muoike Gel swalke op alle plakken om dy't romte en gelegenheid joegen. In fêste bestimming, in doel hie se net. Dat wie goed te sjen oan har manier fan rinnen. Stiif út 'e heupen wei stapten har skonken troch in ûnwennige wrâld, in kat yn 't wiete gers. Staf-en-af koe se stil stean, by it hynstehok, in apelbeam, midden op 'e reed by de kastanje. Se harke oandachtich nei de dingen dy't har yn 'e holle sein waarden, rûn glimkjend fierder, om dan in eintsje fierderop om te draaien en knikkend antwurd te jaan op de gedachte fan niiskrekt. Ferheard seagen de protters fan it dak ôf op har del, de kopkes skean.
| |
| |
Op it stalt stie muoike soms wol in kertier yn it wetter op te dikerjen. Wat socht se tusken it snileguod? De snoek dy't dêr neffens pake al jierrenlang wenne? Soms bûgde se foaroer en reinden har triennen yn driprûntsjes op it oerflak fan de sleat.
‘Sjoch, jim muoike jout de sleat wetter,’ gniisde Sjoerd achter it skuorrútsje wei.
‘Lekker kontsje,’ stinde syn oer de broek wriuwende hân. Ik sei neat. Muoike rûn alwer fierder, op nei de feart, nei har fêste plak om op Harrie te wachtsjen, want ienris soe de dei komme dat er kaam, op in boat fan fjoer, ferljochte mei fakkels, wylst ingels mei bazunen om syn stjoerhutte hinne fleagen en in stim út 'e himel wei jubelje soe: ‘Dit is Harrie Boven, de bêste stjoerman fan de hiele wrâld en hy is kommen om te trouwen mei muoike Gel, dy't al sa lang wachte hat en no har fertsjinne lean ûntfange sil!’
‘Jacob?’
Ik soe krekt nei bûten ta, doe't muoikes hân my op 'e gong oanskeat om it winkhoekje fan de doar hinne. Ik kaam eins noait op west, wat hie ik dêr te sykjen?
‘Jacob, wolst wat foar my dwaan?’
Achter har briltsje wei glânzgen har koartsige eagen myn kant út.
‘...Mar it is geheim! Meist neat sizze tsjin de oaren, hielendal neat. It is oarloch, snapst wol? Dan meist geheimen net trochfertelle, ek net oan jim mem, goed?’
‘Mja...’
‘Nee, net mja, moatst it belove!’
Earlik is earlik, ik begûn nijsgjirrich te wurden. Elkenien bewarre geheimen, mar dy wiene fan de minsken sels. Dit wie myn kâns ris ien fan in oar te bewarjen. Dit geheim koe moai ûnder de G fan Gel yn it argyf fan myn ûnthâld, want dêr hie 'k noch neat.
‘Goed, ik beloovje it.’
‘Nee, dat moat sá,’ en muoike lei har hân op it boarst.
| |
| |
‘Moatst dyn hân op it hert lizze en dán moatst it sizze!’
Ik sei it wer, mar no kamen myn wurden út it hert wei, ik Seide it dúdlik. Muoikes briltsje knikte tefreden, it ljocht fan it keamersrút spegele oan en út yn de rûne gleskes. In brief fladdere op my ôf, klapwjukke nei myn útstutsen hân ta en bleau dêr as in deade flinter lizzen. In namme stie der net op, de postsegel wie noch net plakt.
‘No moatst goed harkje! Dit is foar Job, mar gjinien mei witte dat ik him in brief skreaun ha, snapst wol? Gjinien mei it witte!’
Har stim sakke by elk wurd in pear sintimeter, de holle saaide der as in ljipke achteroan. Flak foar myn gesicht prate se fierder. Wiene hjir noch mear minsken? Leine der guon ûnder de tafel, siet der ien yn de fleizige romte tusken muoikes boarsten? De jurk foel by elke sintimeter in eintsje fierder iepen. Myn sykjende eagen skoden stadichoan fierder, wenden oan it skimerige ljocht en teanten ferheard stapke foar stapke nei binnen ta. Boppe har pratende mûle beweegden pyplytse snorhierkes mei en al dy geheime ynformaasje bewarre ik systematysk yn it argyf tusken de oare dingen, dy't ik ûnthâlde woe.
‘Even sjen, moatst him mar net yn 'e bûse dwaan...’
Har hannen glieden ûnferhoeds by my del, holden stil by myn koarte broek en knopen it knoopke los. Se lutsen it himd omheech en de koele fingers lieten it fel skrikke doe't myn ûnderbroek iepenlutsen waard. Fingers dûnsen licht oer de hûd en rekken yn it foarbygean myn pyltsje oan.
‘Hm, noch even en dan kinst in famke bliid meitsje. Witst wol hoe't dat moat?’
Ik knikte stom, blyn, dôf en alles tagelyk.
‘Hjir!’ gebea har hân en ik joech de brief. Muoike lei de slúf tsjin in wite bûk oan en drukte de râne safier mooglik nei ûnderen ta.
‘Dit is tenei de brievebus, dêr't ik allinnich wat yn dwaan mei,’ lake se optein.
Doe tearde se de klean wer ticht en wylst ik de broek wer
| |
| |
tichtknope, die se in stap tebek.
‘Hoe sit it sa?’
‘Wol goed,’ en ik bûgde wat houterich om te sjen oft der ek noch in spoar fan har brief te finen wie.
‘Rin ris in stikje,’ kommandearre se. As in panlatte stuitere ik troch de keamer.
‘Ja, kinst ek gewoan rinne? Sa rinst oars ek net!’
Mar de hoekjes fan de slúf pripten by elke beweging yn de warleaze hûd ûnder de klean en de râne fielde sa raar op myn pyltsje. De stappen wiene te grut, te lyts, te breed, te smel en it duorre even foar't ik de brief ferneare koe.
‘Moatst der gewoan net oan tinke,’ ornearre muoike, mar sa maklik wie dat net.
‘Daliks nei Job ta, net wat oars dwaan, want hy wachtet derop...’
Se treau my ta de keamer út en dêr rûn ik oer de gong mei it gefoel dat elkenien sa sjen koe wat ik ûnder de klean hie. Pake slofke krekt út it klompehok wei op de gewoane keamer ta, it wie tiid foar kofje en foar Praatsjes-Under-It-Kofjedrinken, mar hy sei oars neat as ‘Jacob’ doe't er my seach. Ik klattere sa gewoan mooglik by de trep op nei de foarsouder ta, mar dat foel noch aardich ôf. By elke stap pripte de brief nidich yn myn bûk en ik wie bliid dat ik boppe wie. Sjoerd en heit hiene de âlde kast fan omke Geart op it klompehok set om de yngong fan Jobs skûlplak wat út it sicht te hâlden. Ik klaude it hea achter de kast fuort, krûpte nei binnen ta en die de headoar wer ticht. De ferrassing wie de gong sels. Om't de ruterstokken frijwat steil by de brânmuorre op stiene, koe ik gewoan rjochtop rinne oer de hiele breedte fan de pleats.
‘Ha die Jacob, kom je voor een sjpelletje?’
Ik skodholle, knope it knoopke los, tearde de broek iepen, luts it himd omheech en flintere de brief yn Jobs hân.
‘Voor mij?’
Ik knikte.
| |
| |
‘Van je thante?’
Ik knikte wer.
‘Ik ben de post,’ sei myn PTT-mûle gnizend. Job skuorde de brief iepen en hold him in bytsje omheech nei it ljocht fan de glêzen dakpanne ta. Under it lêzen fergeat er my hielendal, sa like it wol. Mei de holle wat achteroer naam er de hiele brief troch, knikte, skodholle en sei fan ‘ja ja’ en ‘nou nou’ doe't er de brief sawat út hie.
‘Mooie brief, niet waar? Weet je wat, Jacob, ik sjrijf een brief terug. Wil jij hem dan brengen, net zo?’
Hy wiisde nei myn broek. Goed, dat woe ik wol, dat woe ik graach! Ik betocht dat ik no ek in geheim hie, krekt as alle oare Nauta's. Gjinien soe it fernimme as ik postrinder waard foar muoike Gel en Job. Wie ik net oeral en hie ik net altyd in ferlechje om yn de skuorre om te strunen, op 'e souder, yn it hinnehok of achterhûs? Der wie mar ien plak dêr't gjinien my sjen mocht en dat wie op west by muoike, want dêr kaam ik oars ek noait. Hoe spannend soe it wêze as ik wist hoe't it siet tusken muoike en Job. Watfoar wurden wiene sa kostber dat der mar ien plakje wie om se te bewarjen, nammentlik yn 'e gielguorde fan myn broek? De kommende tiid soe myn binnenear troch muorren en souderplanken hinne elke yn stilte útsprutsen letter, elke sucht en elke ferbeane gedachte opheine moatte. Yn it skepnet fan myn ûnthâld soe ik de dingen opslaan. Ik soe se opslaan ûnder de G as it om muoike gie, ûnder de J soe ik de dingen fan Job sette, kreas yn geheime rychjes dy't gjinien ûntsiferje koe.
| |
Sân
Justjes foar't de rige es-bochten fan direkteur Skeltings kuierstôk foar alle ivichheden ferwaaide, wiene de wichters ryp. De swiete lucht hong al dagen as in moaie frou achteleas oer de hage fan de tún, dy't der sûnt de skieding fan it echtpear wat suterich hinne
| |
| |
lei. It koste hieltyd mear muoite om út skoalle wei gewoan troch te rinnen. Oars rôp it wapperhantsje fan frou Skelting my wol, no wie der gjinien. It hûs paste ûnferskillich op de beammen, it túch tusken de útbloeide blommen en it te lange gers, want Skelting sels hie it net oan tiid.
‘Dy man moat wer oan 't wiif,’ fûn pake.
‘...Of in bettere húshâldster...,’ sei mem, dy't net al te folle fidúsje yn Gepke Hup hie.
‘Hy hie dat frommes noait nimme moatten, kinsto dêr net in hântaast dwaan?’ frege beppe. It antwurd wie bekend, mar om't it har net nei 't sin wie dat muoike mar wat om hong, waard de fraach sa út en troch fan 'e planke pakt.
Doe't de advertinsje yn De Courant stie, wie de krante breedút oer de tafel hinne lein en wiene de trije rigels al wiidweidich tsjin it ljocht holden. Skelting frege om ‘een hulp in de huishouding’ en it gie om ‘lichte werkzaamheden’, dat de froulju hiene der by muoike wakker op oanstien hjir wurk fan te meitsjen. It wie ommers ‘moai tichtby’ en ‘sa fertsjinnest in bûssint sûnder al te folle drokte’, want it gie - elk koe dochs lêze? - om ‘lichte werkzaamheden’, dus wêr wachte muoike noch op? Mar se woe net ‘by dy fint’ yn 'e hûs, want ‘mem wit wol wêr't sa'n man noch mear ferlet fan hat’ en ‘dêr lien ik my net foar!’
‘...Hat mem it tsjin my?’
Fansels wist muoike wol dat beppe it tsjin har hie, mar oan ferfelende fragen hie se it mier.
‘Nee, tsjin it taffelskleed, no goed?’
‘Lit dy man syn eigen tún dwaan. Hat er soms gjin earmen, gjin hannen? Binne in pear learzens te djoer of sa? Stiet der net in skeppe yn it hok?’
‘Mar hjir sitst ek mar wat te sitten...’
Muoike grommele wat, mar de warden wiene al stikken foar't se oan har mûle ûntkomme koene.
Wichters hearden by deselde famylje as stjonksigaren, se hiene deselde trekjes. Skoftenlang wiene se der wol, mar seachst se net,
| |
| |
se wiene like grien as wat. Ferskûle tusken de blêden hongen se te wachtsjen oant it tiid wie foar it ljocht te kommen en dan ynienen hipten se út 'e beamkes wei. Hast altyd kamen se my oer it mad. Om de ien of oare reden dy't ik doe wol wist, mar no fergetten bin, wie ik der noait op fertocht dat de wichters yn 'e tún fan de direkteur hast wer út it gers wei socht wurde koene.
Dochs wie it no safier. Sjoch ris nei de kaai. Dêr rûn ik, draafde ik, hie de skoalle net lang genôch duorre? Nei hûs ta, der wie sa'n soad te dwaan! Ik koe Sjoerd helpe, tsjin de muorre sitte om te sjen wat LeviStrauss by de ein hie en moasten de aaien ek net fan de souder ôf? Miskien woe Job damje of hie muoike in brief, wie ik net har postrinder? Mar de wichters wiene net fan doel my samar ôf te stean oan de pleats in eintsje fierderop. Ik wie it hûs al foarby, ik wie al healwei de finne, doe't se my rôpen.
Om yn 'e tún te kommen, moast ik wer om 'e hikke, troch de foartún en om it hûs hinne. De ruten drukten myn ferstannich liif rûngear, sadat it hûs my net sjen soe. It bûnzjende hert jage my troch de túndoar op de wichterhoeke ôf en pas doe, tusken beammen en strûken, fielde ik my feilich. De ripe fruchten leine te glânzgjen tusken it griene gers. Hoe lang hiene se al op my wachte? Mei niget lieten se har oppakke troch myn hongerhannen.
Dêr siet ik, yn 'e hoksen, tusken strûken en beammen, achteryn de tún, dy't God my skonken hie. De ferbeane fruchten, oars oanrikt troch mefrou, waarden no by elkoar socht troch mysels en ik fûn se sa lekker dat ik alles om my hinne fergeat.
Dochs wie ik net allinnich. Der knapte wat achter myn skrikrêch en dêr stie er. Fan ûnderen ôf besjoen wie er grut-grutter-grutst, in demon út in oare wrâld, in oare tiid. Dêr stie er, yn syn swart pak, de hoed skean op 'e holle en syn kuierstôk sloech in es-bocht yn 'e blauwe middeiloft. Warleas siet ik tusken it hege gers, in wichter healwei de mûle, in pit tusken de kiezzen. Mei in pear stappen wie Skelting by my en sûnder te wachtsjen sloech er ta.
| |
| |
‘Swsj,’ sei de stôk.
Ik rôle fuort, om en om en om.
‘Swsj,’ sei de stôk nochris, grimmitiger no en de dop skampe myn boppe-earm.
Hoe't it my slagge op fuotten te kommen, wit ik net mear. Ynienen stie ik, pompte it hert farske soerstof nei myn skonken ta.
‘Swsj,’ sei de stôk foar de leste kear.
Ik sichte tusken de beammen troch, sprong oer in blommeperkje hinne en skeat op de túndoar ta. Noch ienkear seach ik om. Tusken de beammen stie direkteur Skelting en hy rjochte in triljende stôk op my. Hy skeat de wurden as kûgels op my ôf en om't ik fergeat fuort te dûken, rekken se my stik foar stik. Djip krongen se troch yn myn ûnthâld. Wjerangels sloegen fêst yn de oars sa glêde muorren, noait soe ik se ferjitte. De triljende stôk soe foar altyd op my rjochte stean en alle kearen soe ik by dat byld syn flymjende wurden hearre:
‘Ik.Krij.Dy.Noch.Wol.Jacob.Nauta!’
Hoe't ik thúskaam, bin ik it net fergetten? Haw ik rûn, draafd? Of wiene myn skonken as ferlamme en kaam ik net foarút yn de sompe fan myn benaudens?
Ik fûn mysels werom by de hinnen op souder. De sinne skode in baantsje ljocht troch it dakrút, stof dûnse op it ritme fan in oare diminsje. Yn de ierappelbak leine twa aaien en bytsje by bytsje krige ik it gefoel dat de dingen werom dûkten yn har wenstige foarm.
‘Ik.Krij.Dy.Noch.Wol.Jacob.Nauta!’
Dêr wiene se al. Ik hie no de rêst om de banflok sa kalm as mooglik wie, te besjen. Bern seine sokke dingen sa faak, ik wie der net bang foar. Mar as grutte minsken soks seine, dan wie it oars.
‘Ik.Krij.Dy.Noch.Wol.Jacob.Nauta!’
Ienris soe ik dy wurden wer hearre, ûnferwachts soene se opljochtsje as reade lampen yn 'e dampige takomst.
| |
| |
| |
De ljedder
Hy moat de fjirde trieme loslitte, no! Hjir stean bliuwe hat gjin doel, Jacob wit it wol. lenris liet heit him fan de hege golle ôfsakje, yn de sterke bannen fielde er him feilich. No is er santich, oerlevere oan himsels. De stiennen moatte fertôge wurde, allegearre moatte se lizze op it plak dat pake sei. De tredde trieme wachtet geduldich op de delstap.
‘Kinst lêze wat dêr stiet?’ freget er. Al in skoftke stiet er mei de hannen yn 'e bûse te sjen hoe't Ella de ferware letters oan it ljocht bringt.
‘Witst hoe faak dat no al frege is, elkenien skynt te tinken dat wy dat allegear mar witte...’
‘Is dat sa frjemd,’ bêdet er har del, ‘jim leare der dochs foar?’
It klinkt wat spotsk, al is dat net syn bedoeling.
‘Ik wit der ek wol wát fan, mar wy leare mear it âlde Hebrieusk, sjoch.’
‘Ferskilt dat dan fan it Ivryt? Ja, ik ha der fierder ek gjin doel oer hear, ik freegje mar wat...’
‘Behoarlik ja, behoarlik, mar ik sil it besykje. Wy hawwe de measte teksten wol sawat ûntsifere, al foel it by guon net ta. Gelokkich is ien fan de jonges Joadsk, dat skeelt wer. It is fansels mar krekt wat der stiet...’
De joadeletters wachtsje ûnderwilens geduldich ôf wat der fierder oer har sein wurde sil. Hoe lang hawwe se har net fêstklamme oan de stiennen, hoe lang is it net ferlyn dat de stienhouwer de beitel brûkte? It wiene oare tiden, de minsken wiene oars, gjinien wist wat de ieu noch yn 't fet hie en dat wie mar goed ek. Se hawwe elkoar - ‘Hea, moatst ris sjen wa't wy dêr hawwe’ - stikem sinjalen jûn, herkenne de jonge dy't hjir wolris delkaam, al mocht dat eins net fan syn beppe, de jonge dy't wenne oan 'e oare kant spoar op in pleats dy't lang lyn ôfbrutsen is om romte te meitsjen foar de ni je tiid. Wat is er âld wurden
| |
| |
- even sjogge se elkoar freegjend oan - hy moat dochs hast wol santich, tachtich wêze, och och, wat giet it fluch. Dochs binne se der wis fan dat hy it is, syn earen stekke noch altyd út en dy eagen ûnder de hege foarholle ferjitte stiennen letters sa gau net, se binne der sa oan wend nammen en jiertallen fêst te lizzen foar de ivichheid. Se glimkje as se werom tinke oan syn waarme fingers dy't besochten de betsjutting te ûntsiferjen troch de rigels yn 'e ferkearde rjochting te folgjen, mar dy kristenbern wisten net better, dy tochten fan harsels út, sa hat it dochs altyd west? Sels de eagen fan folwoeksenen glydzje steefêst fan achteren nei foaren, al soene dy witte kinne dat JWH yn 'e regel eigen wegen foar syn folk siket oant yn de rjochting fan har skriuwen ta.
Al koe Jacob oars gjin Joad as Nathan Pen út it stikje dat syn pake wolris die op brulloften en fansels alle Joaden út 'e bibel, dochs moasten se hjir ek yn 'e stêd libje, oars stiene dy stiennen der net. Dochs kaam Jacob net op de gedachte fragen te stellen, foar syn gefoel wie it freegjen nei de bekende wei. As der al sokke minsken yn 'e stêd wennen, soe hy dat dochs sels wol sjoen hawwe, hie er net eagen yn 'e holle? Soms tocht er wolris dat se miskien allegear wol stoarn wiene, dat koe dochs? Mei syn freon Harm fantasearre er oer de fraach wa't dan de lêste begroeven hie, in fraach dêr't gjin antwurd op te betinken wie. De fossilisearre jiertallen setten de jonges ek net op it goede spoar, wa ferstoar no yn 'e takomst?
No't Jacob better sjocht, fernimt er foar it earst dat deselde rigels op alle stiennen weromkomme. Frjemd, dat er dat net earder seach, hy hat hjir oars faak genôch omstrúnd.
‘Ik haw altyd oannommen dat it teksten út 'e bibel wiene, of is dat net sa?’
‘Dat tinke de measten, sjoch hjir...’
Ella skoot op 'e knibbels nei foaren ta om tichter by de stien te kommen, sa kin se mei it pinsieltsje oanwize wat se bedoelt.
‘...Hjir stiet - even sjen - de namme, no ja, ast boppe oan be- gjinst, dêr stiet:
| |
| |
Po nikbar, iesh zaken vesva jamim, Moshe bar Sander de Vries - hjir leit begroeven, in man, âld en foldien en dan dus syn namme, Moshe, soan fan Sander de Vries, of sa't it dêr ûnderoan yn it Nederlânsk stiet, Mozes Sander de Vries. ...Dat stikje ‘âld en foldien’ is oars wol in bibeltekst, betink ik no, ik miende dat soks yn Genesis sein wurdt fan Izaäk of Abraham, dêr wol ik ôf wêze. En dan krijst noch wat persoanlike gegevens ...hjir stiet dan wêr't er berne is, yn Ljouwert dus op de tolfde nisan...’
‘Dat is in moanne?’
‘Ja, dat falt yn maart / april fan it jier 5564 en hy ferstoar yn deselde moanne, wer nisan dus, mar dan yn it jier 5655. Kinne jo in bytsje rekkenje?’
Jacob draait de eagen nei boppen ta, kuert tusken in pear wite wolkjes troch, krijt sicht op de jierren dy't ús aloan boppe de hollen hingje sûnder dat wy der erch yn hawwe en telt.
‘Even sjen, 36 en 55... 91 jier, âld foar dy tiid, dat hat er net raar dien, fynst wol?’
‘Moaie leeftyd, ja’
‘En dat jier is by ús...?’
‘5655?’
‘Ja?’
‘Dan moatte der sa'n 3700 jier ôf, dat is dus sawat yn 'e njoggentjinde ieu...’
‘Wachtsje, op dy stien stiet it ek yn ús jiertelling...’
Hy rint nei in lytsere stien ta, in eintsje fierderop en lûdop ljept er oer de tiidbalken dy't it hôf troch de jierren hinne drage.
‘Dat moat dan uh... 3760 jier ferskil wêze, as ik it goed útteld ha!’
De opwining dy't him ynienen yn 'e besnijing krijt, ferwidet de ieren en set syn wangen yn in sachtreade gloede. Hy komt foar syn gefoel yn 'e kunde mei in espeltsje minsken dat al fierste lang achter de kleden wachtsje moast op syn kommen om nei al dy jierren it toaniel op te springen. Ien foar ien stelle se har oan him foar. De ien bûcht sierlik en docht dan beskieden in stapke
| |
| |
tebek, de oar is fan doel syn libben op te fieren no't de kâns him foardocht. Fan Jacob mei it allegear, hertlik wolkom Bram en Sally Mozes, Hannah en Mosje Cohen en jo binne Mozes de Vries? Alhiel út 'e skroeven stiet er dêr tusken de stiennen dy't ynienen feroare binne yn minsken fan fleis en bloed, dy't oan him foarsteld binne troch de freonlike mûle fan Ella Tysling fan de VU.
‘Sjoch, dit is de âldste stien dy't derby is...’
Syn opteinens hat har op fuotten set en triuwt har nei in stien oan 'e westkant ta. Mei de fine kwast wiist se de swarte wurden oan, de letters binne al opknapt.
‘Sjoch hjir ...Vatamat Rachel vatikaver cevet almin ...uh, even sjen hear, po riashona,
Rachel is stoarn en hjir as earste begroeven of sokssawat...’
Jacob sjocht nei it jiertal en stiet alwer te rekkenjen.
‘Wat sei ik niiskrekt, 3760 jier derôf, net? Dat wurdt ...1870, dus doe is dit hjir stifte, wat aardich!’
‘Wat is dêr sa aardich oan?’
‘No, dit plak is dus sa âld noch net iens, ús pake wie fan 1880, kinst neigean...’
Hy kin him der sa oer fernuverje. As bern wie er oars de sleauste net, dochs falt it him wat fan himsels ôf dat er dy jiertallen noait earder sjoen hat. Of better sein: hy hat se wol sjoen, mar oan it omrekkenjen is er net begûn, wylst der genôch mooglikheden wiene. Hy hie op skoalle freegje kind, of oars...
‘Wêr wenje jo eins, of mei 'k dat net freegje?’
‘Fansels wol, ik wenje al jierren net mear yn Nederlân, ik sit noflikyn Itaalje!’
In auto riidt foarby, it lûd twirret tusken de strûken yn 'e foartún. Hy kin der neat oan dwaan, hy fielt him frij. Frij fan syn wurk, ferline wike hat er ôfskie nommen. Frij fan syn besit, hat er net alles fuortdien?
Alles is oprêden. It measte wurk hie er noch fan syn boeken.
| |
| |
Wat koe fuort en wat moast bliuwe? Hy hie himsels foarnommen sa'n hûndert boeken te hâlden, it is útdraaid op it dûbele. Fansels skifte er alles fan Rilke derút, ek Goethe fûn in útwei. Dan noch wat los guod, de atlas fan syn beppe, in boekje fan omke Geart en mear fan dy dingen. Alles hat er yn de Citroën laden. Doe kamen de grammofoanplaten oan bod. Hy hie in aardige kolleksje âlde jazz en wat klassyk wurk. De symfonyen fan Sjostakovitsj klapten út harsels ta de bus yn, mar wat wiene der in twifelgefallen. Hy hat selektearre oant er der pineholle fan hie, mar op 't lêst stie wat er bewarje woe by de boeken yn 'e bus. Foar de wissichheid hat er ek syn fersterker derby set, de platespiler folge. It stie wol wat keal sa sûnder de boksen, dan dy ek mar mei, romte genôch. It hûs is leech, hy draait de doar yn 't slot, leveret de kaaien yn by de makelder en riidt sûnder om te sjen de stêd út.
‘Hast de Italienische Reise fan Goethe wolris lêzen?’
‘Nee...’
‘No, wat tichter ik by it pensjoen kaam, wat mear plannen ik makke. Ik soe dit, ik soe dat, en alles is op 't lêst net trochgien, op ien ding nei, ik woe nochris in literêre reis meitsje. Ik kaam wolris op plakken, dêr't bekende skriuwers wenne hiene, Witst wol, it bertehûs fan... It plak dêr't...,’ en Jacob wiist mei beide hannen alle kanten út om mar oan te jaan hoe't dat is om oeral hinne te fleanen. ‘Op sokke plakken kaam ik ek wol oaren tsjin en dan witst wol hoe't dat giet, je reitsje wat oan 'e praat, dogge ideeën op. Op in kear rûn ik in frommeske út München tsjin it liif en dy makke wol fan dy reizen. No hat Goethe nei Itaalje west en se fertelde my hoe moai it wie syn spoaren te folgjen. Sels hie se al in aardich stik fan de rûte ôflein en se wie sa entûsjast, ik wist fuort wat ik woe as ik de put derút hie, ik soe Goethe achternei! Earst ha 'k syn ferslach fan de reis bestudearre, doe de rûte útstippele en nei't se my de skoalle útjage hiene troch my op te skypjen mei fjouwer plestik túnstuollen, bin ik fuortgien. Earst noch it hûs ferkocht - witst wol wat in hearehûs yn Bussum
| |
| |
tsjintwurdich opsmyt? Ik wie sawat miljonêr! - ik woe fierder gjin inkelde bining mear hawwe mei de dingen dêr't ik myn hiele libben oan fêst sitten hie, snapst wol? Ik hie my yn 'e kop helle ek it tiidskema fan Goethe te folgjen, dus ik moast wachtsje oant septimber, mar doe koe 'k los. Mochtst oait sa idioate âld wurde as ik, Ella, ik kin it dy oanriede om dan soks te dwaan, de hiele brot ferkeapje en los fan de wrâld op stap te gean, hearlik gewoan! En ik ha dien wat Goethe die. Yn syn ferslach stiet it presys beskreaun, dat is dus wol bekend. As er bygelyks in toer tekene, dan die ik dat ek. Sels hat er wolris opskreaun wat er iet, no, dan iet ik dat ek. Sa ha 'k forel iten doe't ik oer de Brennerpas wie en... witst wat it gekke wie? Ik miende dat ik hiel orizjineel wie troch it spoar fan Goethe sa presys te folgjen, mar doe't ik it menu krige, stie der ‘forel Goethe’ op de kaart! Ik ha dochs mar trochsetten fansels, orizjineel of net. Ik skreau alle dagen in deiboek en dan ek noch as ik it foarinoar krije koe, oer deselde dingen. Sa hat er it wol gauris oer de froulju yn dy kontreien, hy fynt se wat bleek of krekt kreas, sa as yn Vicenza - Die Frauen gefallen mir! - en dus haw ik de eagen ek mar ris goed de kost jûn... Fansels beseach ik de froulju allinnich om't der literêre motiven yn 't spul wiene, oars soe 'k soks noait dwaan! Ik bin begûn yn Súd-Dútslân, dan oer Innsbruck nei Noard-Itaalje. Goethe reizge earst nei Venetië ta en oeral beseach er dan de keunstskatten út it ferline, sa as it amfiteater yn Verona, bylden en skilderijen. Sitst, om it samar te sizzen, de dichter mear en mear op 'e hûd, nei ferrin fan tiid krûpst deryn en op it lêst bist Goethe sels. Ik fielde dat hiel sterk doe't ik yn Venetië wie. Goethe beskriuwt dêr hiel prachtich hoe't er op in bepaald momint yn 'e doar fan in tsjerke stiet. Fan twa kanten komme de lûden op him ôf, fan de iene kant it sjongen fan de muontsen en bûten klinkt it roppen fan de stêd. Doe't myn fuotten op itselde plak stiene, myn earen deselde dingen hearden, sa fan twa kanten, op 'e grins fan ierde en himel, doe wie it krekt of wie ik in reynkarnaasje fan Goethe, snapst wol?’
| |
| |
‘Wêrom makke er dy reis, hie hý der in bedoeling mei?’
‘Jawis, hy skriuwt dat er fernijing siket, geastlik dan, en hy socht de iensumens...’
‘En fûn er dy?’
‘Riedst noait wêr't er dy fûn... yn 'e drokte midden tusken de minsken, teminsten sa beskriuwt er dat. Ik ha dat ek besocht, mar ik moat sizze, sa bin ik net. Ik wol dan allinnich wêze, dat is de echte iensumens foar my.’
‘Hoe lang hawwe jo eins ûnderweis west, as ik freegje mei?’
‘Mear as in jier! Goethe hat de hiele winter yn Rome tahâlden en om earlik te wêzen, dat duorre my lang genôch. Op 't lêst hast dy antike wrâld wol sjoen. Mar it is in prachtige stêd, dat jou ik ta. Hast der wolris west?’
‘Ferline jier, in stúdzjereis. It ûntstean fan it Kristendom, de earste gemeente dêr, de katakomben, de bekende dingen, mar dan wol kompleet mei lêzingen, wy moasten wol wat leare, fansels. Wy hawwe der trije wike west, ik wie nei ôfrin deawurch!’
‘Dat foel by my wol ta, mar ik ha de stêd dan ek yn it tempo fan de achttjinde ieu besjoen, kinst begripe. En dêrnei bin ik noch fierder gien, want de reis gie troch nei Napels en de Vesuvius. Goethe bestudearre dêr de ferskillende fulkanyske stiensoarten...’
Opmerksum sjocht se him oan.
‘O, dêrom dat basalt?’
Hy laket koart.
‘Nee, ik leau it net. Hoewol, je witte noait wêrom't je it iene dogge en it oare litte. It is my al faker oerkommen dat ik miende sels myn wegen te kiezen, mar achterôf die dan bliken dat de oarsprong fan myn kar earne yn it ferline lei. Wat dat oanbelanget is myn dwaan en litten stevich op myn jeugd fêstspikere, mar dat sil by dy net folle oars wêze, tink ik. Nee, dat ik basalt brûke soe, hie 'k al betocht doe't ik myn ferhaal skreau en dat wie noch foar myn Italienische Reise. Basalt hat seis kanten en dat sprekt my oan, mar it ferbân datsto niiskrekt lein hast, is it ûnthâlden wurdich!’
| |
| |
‘En troch dizze reis binne jo dêr hingjen bleaun?’
‘Ja, sa sit it. Goethe hat mar hiel koart yn Florence west, mar dêr woe ik altyd nochris hinne, dus nei Napels bin ik werom gien, ik hie gjin enerzjy mear om de reis ôf te meitsjen Yn Toskane bedarre ik yn in doarpke mei in knap pensjon en op de ien of oare manier ha 'k my dêr deljûn. De bus koe ik kwyt yn in âld skieppehok en zo is het gekomen...’
Hy rint nei de auto ta. Syn gedachten kinne it liif amper berinne, even letter jouwe se it op. It ûnthâld set him op de smelle wei nei Olmo, in pear kilometer benoarden Florence. In djippe rêst set syn tinken stil. Foar him streamt yn 'e djipte in rivierke, achter him struie de heechskoudere Apenijnen lange skaden oer de hellingen oan de oare kant, as de hûnderten lekkens dy't er mei syn mem útslein hat. By it delslaan bolle de stof sa moai op, ûnferwachte foarmen ûntstiene en sakken wer fuort. As er syn rjochterhân earder as de linker omheech die, begûn it lekken prachtich te weagjen, in wite see tusken de Fryske greiden. Mem wie de sinne, earst kaam se op, even letter gie se ûnder. Hy besiket de kontoeren fan har laitsjen fêst te hâlden, sa't er dat sa faak docht. Hoe't it komt, kin er net ferklearje, mar it oproppen fan sokke bylden giet him yn Toskane goed ôf. It is krekt of binne de gedachten oan pake, beppe en de oaren dêr minder pynlik as wannear't er har gesichten hjir opropt. It sil de ôfstân wol wêze, de kilometers dy't dat effekt teweechbringe. Ien foar ien leit er se op syn keamer ûnder it fergrutglês, as dingen dy't er lang kwyt wie en dy't er no weromfûn yn in rommellaadsje.
Earst beppe. Wat hie er har heech doe't er lyts wie. Letter, âlder en wizer, sjocht er hieltyd better dat ek sy har mindere kanten hie. Mem hat hiel wat oanhearre moatten, om oer muoike Gel mar te swijen.
Wat langer er oer muoike neitinkt, wat mear er ta de konklúzje komt dat se eins mear respekt fertsjinne. Har libben draaide om de leafde, de leafde dy't har hieltyd wer ûntkaam, hoe't se har
| |
| |
bêst ek die. Earst wie it Harrie Boven fan Harns, dy't mei de Melba weiwaard yn 'e Golf fan Biskaje, nei fjouwer dagen wer boppe kaam doe't bliken die dat it om de ms. Elba gie, om dan totaal en foargoed achter de kym te ferdwinen. De gedachte dat der miskien foar Harrie noch wol oaren wiene, wol him eins net oan. Dochs hat beppe - of wie it syn mem? - der wolris in opmerking oer makke. Hie se it net oer boeresoannen dy't foar har yn 'e rige stiene, se hoegde allinnich mar út te sykjen. Der waarden sels nammen by neamd, mar hy is tefolle fergetten. Doe kaam Job. Jacob waard postrinder, fertôge de iene brief nei de oare, mar by einsluten holp it muoike gjin stek fierder. Dochs wachte se mar troch, hieltyd wer dat lange wachtsjen, mar der kaam gjinien mear foar it ljocht. Hoe faak wie se net noartsk, ûngeduldich, net te fernearen? Miskien hie er wat positiver op har reageare moatten, mar it is net oars. Trouwens, hy wie de iennichste net dy't sa die, de oaren wiene net folle better.
Mem wie, dat begrypt er hieltyd better, it gelok fan syn libbensdagen. Sûnder dat er der al te folle erch yn hie, stjoerde se syn dwaan en litten. Se hold fan him. Sa fanselssprekkend wie dat, mar ek sa bysûnder.
Oer pake, heit en syn omke Geart tinkt er it measte nei. De ferhâldingen tusken dy trije manlju binne him foar it grutste part ûntgien. No't er sels âlder is, besiket er in rekonstruksje op te setten. Hoe gie heit om mei pake, wat sei pake fan omke Geart? Hy hat it gefoel dat er te let is mei it stellen fan de fraach, it antwurd hie er al witte moatten. Op sokke mominten fielt er him in parasjutespringer dy't omheech falt. Earst sjocht er de sleatsjes, de stikken greidlân, de pleats, mar geandewei wurde se lytser. De stêd ferdwynt út it sicht, dan it lân en op it lêst wurdt alles wei ûnder de laach wolken, dy't alles ôfdekt. De manlju hiene dy laach wolken oars net nedich om wei te wurden. It wurk, dêr draaide alles om. Spitich dat er sa'n bytsje kontakt mei heit krije koe, mar lei dat ek net oan himsels? Doe't se beide âlder waarden, bleau it noch altyd by in praatsje oer it waar. Hy tinkt
| |
| |
werom oan de kearen dat er besocht wat mear los te krijen, mar it wie of lei de tonge him dwars yn 'e mûle. De wurden, de goede toan, hy hat se noait fine kind, hoe't er ek socht.
Soms besiket er de oerienkomsten tusken pake, heit en himsels te ûntdekken. Wat hat er fan pake, útsein de namme? Wêr komt de trochsetter yn him wei, by wa leit de oarsprong fan syn karakter? Hy brûkte Goethe en Rilke, it wiene syn literêre ferlechjes. Sels in bus hat er derfoar oantúgd, en dat wylst er eins hielendal net technysk is.
Job komt as lêste oan bod. Wêr sil er dy in plakje jaan? Hy wit it net, sa goed koe er him net. Dat wie trouwens ek ferbean. ‘Meist net tefolle mei him prate, wat minder ast witst, wat better it is!’ It draait der steefêst op út dat er him werom triuwt yn de heagong. Lit Job mar op it plak dêr't er wikenlang sitten hat, yn it flokhok op 'e souder, ûnder meters hea mei in glêzen dakpanne boppe syn fleizige holle.
Jacob wurdt hastich. Hy moat mar ris opsjitte, wurdt it sa stadichoan net tiid om hjirwei? Wat is it dat him sa ûnrêstich makket? Is it de driging dy't fan it begraafplak útgiet? Syn beppe hie it der net op stean as er hjir kaam, se koe him de hûd fol skelle.
‘Hast dêr neat te sykjen, Jacob, dat is in plak foar deade minsken, bist fierste jong om dêr te kommen. Toe Jits, sis der wat fan, it is dyn jonge, of net soms?’
‘Beppe hat gelyk, meist der net wer hinne, hear,’ sei syn mem der sacht achteroan, alles wie ommers al sein?
De stiennen lizze geduldich op in rychje te...
Dan heart er wat. Yn 'e fierte klapt in doar, stimmen stuiterje tsjin de nij opmitsele muorre om it joadeplak hinne. Troch de autoruten hinne sjocht er by it spoar in auto stean. Twa manlju rinne de reed nei it begraafplak op, in tredde stapt krekt út. Se binne noch jong, wierskynlik studinten, krekt as Ella. Hy hat der net mei rekkene dat se no al weromkomme soene. Mei flugge hannen pakt er ien fan de basaltblokken, rôlet dy nei foaren ta en
| |
| |
tilt him fan de laadflier. Wylst er dat docht, sjocht er hoe't de trije op 'e reed stean bliuwe. It is krekt of ha se no pas yn 'e gaten dat der wat feroare is. It wurdt bepraat, hý wurdt bepraat. Oant no ta hie er it gefoel dat er syn gong gean koe, no is er minder wis fan syn saak. Doe't er hjir kaam, hie er ferwachte dat er allinnich wêze soe. It is allegear oars rûn en al hielendal mei Ella. Hy lit de moedfearren hingje, safolle publyk komt net goed út. Gau rint er mei de swiere stien nei de hoeke ta.
‘Nauta?’
Ella ropt him, har stim dûkt fuort. Even sjocht er ûnder it rinnen fansiden.
‘Hawwe jo ek in huodsje of sa by jo? Ien fan de jonges is Joadsk...’
Hy skodhollet, draaft troch en leit de stien foarsichtich op it goede plak del. Underwilens sjocht er hoe't de trije studinten om de Subaru hinne rinne, even temûk de hollen syn kant opdraaie om dan Ella op te sykjen.
De boppekant fan de tredde trieme is útsliten. Wa hawwe dizze ljedder berûn? Hoefolle generaasjes hawwe him brûkt om in útwei te sykjen? Bitter betinkt Jacob dat er altyd de oare kant út moat, it liket wol of leit der in flok oer syn bestean. Al faker hat er besocht achter de wierheid te kommen. Noch altyd hingje de geheimen, al dy dingen dy't ferswijd waarden, as pakken lead op syn skouders. Hy is der hast en hy byt op 'e tosken as er de fuotten wer in stap leger op it hout plantet.
| |
Acht
Pake friet himsels op oant der hast neat mear fan him oer wie. De happen dy't er naam feroaren linkendewei yn hapkes, syn kôgjen waard stadich. De bloedrivieren ûnder de hûd fan syn wangen streamden út yn in delta fan fine ierkes, nóch finere ier- | |
| |
kes, oant se sa fyn wiene dat it pearzige bloed der amper noch trochhinne streamde. De eagen hiene har de lêste tiid weromlutsen yn de slakkehuzen fan syn holle. Achter de ynfallen eachlidden wei hold er ús wat yn 'e gaten, mar it wie of makke it him net folle út hoe't de dingen ferrûnen.
Hy sei hieltyd minder. Sa út en troch nochris in wurd, in heal ôfimakke sin, in lytse opmerking en dan droegen de dingen dy't er útspruts wer op. De grapkes dy't er makke, ferskeaten fan kleur, oant op it bleke ôf.
‘Jim heit wurdt âlder,’ hearde ik mem in kear tsjin heit sizzen.
‘Dat wurde wy allegearre,’ sei heit.
Dochs besocht pake de skyn sa goed en kwea as it gie, op te hâlden.
‘Ha dy Jacob,’ rôp er optein as ik út skoalle kaam. Mar ik fielde dat it him muoite koste, hieltyd mear muoite koste. It gers moast meand, de kij ferweide, der moast molken wurde, it wurk koe net stillizze en pake die oeral yn mei. It gie allinnich hieltyd stadiger, út en troch foel er stil. Hy hong dan wat om op de skeppe, eage it hiem oer, moast even nei it húske. Heit en Sjoerd hiene him wol troch. As se fernamen dat pake te folle die, skoden se him gewoan fansiden.
‘Lit my mar even,’ sei Sjoerd en dan die er yn in pear halen wat pake in oere koste.
Heit hie de finne meand. De kij hiene it lekkerste gers opfretten en wat se net mochten, lieten se stean. Dy toppen gers wiene ‘te goed om wei’, dat heit hie de hiele finne mei de seine neisjoen. De sinne feroare it lân yn in lapketekken mei op alle ekers in mozayk fan grien en giel, giel en grien. Tegearre mei Sjoerd hie ik de boel by elkoar swile en op de wein mikt. In soad wie it net. De bynpeal hoegde net iens brûkt te wurden, sa'n bytsje wie it. Doe't wy de wein ta de skuorre yntreaunen, stie pake al klear mei de biezem. Neat mocht der ommers ferlern gean, alle lytse bytsjes holpen, want ‘dêrfoar hawwe wy it krigen!’
Ik klattere by de ljedder op nei de souder boppe it lytsbûthús.
| |
| |
Sjoerd stuts de toppen hea omheech en as ik genôch hie, treau ik de skobulten mei de twatine oer de sjippeglêde planken nei de grutte souder ta. Heit sette it finnehea tsjin it winterfoer foar it flokhok oan, sadat Job noch mear bedobbe waard as dat er dochs al wie. Yn in sucht wiene wy klear. Ik rûn werom nei de lytse souder en seach fan boppen ôf hoe't pake Jappe al op it tiksel stie om by de wein op. Mei de biezem sette er him ôf en sa ljepte er oer it hearamt hinne oant er feie koe.
Op datselde stuit feroare der wat yn 'e skuorre. Wat it wie, wit iksels no noch net. It wie krekt of kearde de lucht by it klompehok om dan troch de iepen doarren yn in flaach nei bûten ta te streamen. It waard tsjuster, in wolk dreau foar de sinne lâns. Hoe't it ek wie, pake makke him los fan it dekor dêr't er sa ûnopfallend en fanselssprekkend yn thúshearde. Hy hong wat frjemd op de biezem om, like wat te sizzen tsjin de stôk -‘aarghj?’ - bûgde de âlde rêch rûngear en út dy ûnmooglike posysje wei draaiden syn eagen nei my ta mei in lêste fraach om help. Of seagen syn eagen dwars troch my hinne, seach er in fiere, noch ûnbekende fierte? Syn hannen glieden fierder by de biezem del oant er op 'e knibbels siet en doe kypte er om.
Ik moat om heit raasd hawwe, want ynienen skeat syn skaad by de ljedder del. Foar't ik wist wat der barde, siet er al by pake en sloech him om 'e holle.
‘Mem helje, mem helje, bliksem...’
Myn fuotten stroffelen nei ûnderen ta en al yn it klompehok raasde ik alle Nauta's fan de hiele wrâld by elkoar. It heucht my noch dat beppe en muoike Gel de skuorre yn draafden en wat ik benammen noch wit is it ynwite gesicht fan beppe. Wa't dokter ophelle hat en hoe, ik bin it kwyt, ik wit allinnich noch dat er west hat, want ik sjoch him sa noch foar my stean yn it tsjinljocht fan de simmerdei, dy't gewoan trochdraaide, der wie ommers neat te rêden. Heit woe pake optille, mar dy woe sels al wer rinne en begûn wakker tsjin te akseljen.
‘Ophâlde! Wolle jo dea?’ grommele heit.
| |
| |
Hy pakte pake noch steviger beet en dy joech it doe mar oer. As in sek ierappels waard er it foarhûs yn tôge. Hy bedarre yn de gewoane keamer, net yn it bedsteed, want dat wie net geskikt, mar yn it bêd fan omke Geart, dat fan de foarsouder helle waard. Dêr lei er dan, foar it rút, twa kjessens yn 'e rêch en praat foar tsien.
‘Eh nee juh, ik kin der wol wer út, it giet wol wer...’
Mar hy koe him likegoed stilhâlde. Beppe paste as in liuw op him en hy hie net folle yn te bringen.
‘Gosse rêdt him wol, Sjoerd is der ek noch en wat soesto dan noch?’
‘Ja, mar ik...’
‘Niks ja mar, do bliuwst op bêd oant dokter seit datst derút meist en gjin tel earder!’
Pas in pear dagen letter mocht pake der even ôf. Ik hie ferwachte dat er wat foarsichtich omskarrelje soe, mar niks derfan.
‘Ik moat der mar ris wat faker hinne trûdelje, ik fiel my bêst!’ lake er en syn ynfallen eachjes laken foar it earst sûnt lang wer ris mei. En it wie ek sa, want mem sei itselde.
‘It liket wol of is er suver wat opknapt,’ sei se tsjin heit, dy't der net folle fan snapte. Allinnich beppe, dy't har dochs al oer fan alles en noch wat soargen makke, fûn it mar neat. Se hold pake sekuer yn 'e gaten en sa gau't er wat útspoeke, griep se yn.
‘Ophâlde do! En handich!’
Stúmsk rûn er dan fuort om in skoftke letter as in ûndogens bern werom te kommen. Syn kopke kipe om it hoekje en mei flústerlippen frege er my oft de kust feilich wie. Ik seach oer 't skouder en knikte. Even letter wie pake alwer oan 'e gong en foege er him nei de fertroude pleats dy't er al salang bewenne.
| |
Njoggen
Op it plak dêr't de pleats húsmanne, hie earder in oare pleats stien. It iennichste wat dêrfan oerbleau, wiene de tegeltsjes yn de
| |
| |
finsterbanken fan de keldersrútsjes. Toutsjespringende bern, bestjurre yn kobaltblau, ieuwenâlde blomkes, Abraham en Lot, Jezus en de ferlerne soan, dat alles wie te sjen op de tegels dy't in twadde bestimming krigen hiene yn ús op simmerdagen sa koele kelder.
Ik wie der graach. De iene kear om de finsterbanken te besjen, de oare kear om ôf te kuoljen of te harkjen nei de lûden fan it foarhûs. Boppe my hearde ik in doar klappen. Beppe makke mear leven as de oaren, ik tocht dat sy it wie. Myn gedachte wie mis en skeat beskamme ûnder de keldersdoar troch nei bûten ta.
Der wiene twa minsken yn 'e keamer. It wiene heit en Sjoerd. Under de keamer stie Jacob Nauta, spesjalist yn Geheime Plakken en Manieren Fan Dwaan en mei syn binnenear besocht er it praat boppe him sa goed mooglik te folgjen.
‘... mienst wol datst bist?...’
Dat wie heit, in poerlilke heit, ik hearde it oan de toan.
‘...Wolst soms dat se hjir komme?... Ja, wêr bist no mei dyn grutte bek?... Of tinkst dat wy dy boarterij fan dy gewurde litte kinne?... Wat seist... Wat?...’
Sjoerd wie as in sage.
‘Ik sil sels wol útmeitsje wat ik wol... Jim binne krekt makke skiep, of net soms?...’
‘Soademiterje dan mar op nei de Wâlden!’
‘Godf...’
‘...Kinst dêr de held úthingje!’
‘By ús yn de W...’
‘Ja, dêr binne se allegearre like ûnnoazel as dy, tink?’
‘Nee, dêr b...’
‘Stiest der wol by stil dat wy hjir in ûnderdûker ha?’
‘Se komme der noait acht...!’
‘...O nee, tochtst dat werklik?’
‘Noait!’
‘Noait?’
‘Noait ien kear!’
‘Sokken as dy binne...’
| |
| |
Dit wie spitich. Salang't de manlju boppe my lilk bleaune, wie der neat te rêden. Der siet genôch lucht ûnder de wurden om se sels bûten noch te hearren. Mar no't heit betocht dat syn praat net foar alle earen yn en om de pleats ornearre wie, sakke syn stim en dy fan Sjoerd sakke mei. Om noch wat te hearren pakte ik fluchfluch in stoel en mei in ear tsjin de ûnderkant fan de flier besocht ik safolle mooglik letters en losse wurden op te pikken. De wurden dripten as kâlde sjerp tusken de flierplanken troch, wurden as ‘ik tink’, ‘do moatst’, ‘fuortdaliks’, ‘hâld op man’, ‘ferdomme’, ‘ik doch’, ‘mienst wol’, ‘net wer’, ‘sjoch’, wêr...’ en ‘net!’
Nei't ik alle biten en brokken lime hie, tocht ik dat
a. Sjoerd foargoed wist wat net mocht en wat wol
b. er net wer by it oefenlantsje komme mocht
c. er noch altyd flokte
In skoftke letter, doe't elkenien wer gewoan oan it wurk wie, stapte ik ûnopfallend op it hiem om. Dêr siet Sjoerd te seineharjen, de lilke kop foardel. Heit rûn mei in pear amers nei it hok. Hoe wyt wie er om 'e holle, hoe strak stie syn gesicht, hoe stampten syn fuotten. Hy draaide him ûnder it rinnen nei my ta, mar ik leau net dat er my seach.
In pear wike letter, it moat yn augustus west hawwe, naam Sjoerd ôfskie. Yn 'e skuorre kaam ik him tsjin.
‘No jonge, it bêste mar wer!’
Hy lake, mar ik seach dat it net echt miend wie. Ik wist dat er net graach op hûs oan gie, mar wat moast er oars?
‘Goed op dysels passe!’
Dat soe ik dwaan, hy hoegde der net oer yn te sitten, ik wie sa stadichoan wol los fertroud.
‘Sjoerd hat in oprop krigen,’ hie heit my wiismakke. No koe dat bêst. De Gek siet slim ferlegen om wurkfolk en der wie foar
| |
| |
heit gjin inkelde reden te tinken dat ik syn ferhaal net leauwe soe. De echte reden hoegde ik net te witten, mar wie ik net goed alve, hast tolve? Myn binnenear hie yn 'e kelder syn wurk dien, alles hie ik heard en wat ik net opfong, koe ik sels wol betinke. By de âld kastanje healwei de reed draaide Sjoerd him nochris om. Hy swaaide nei my. It wie de lêste kear dat ik him seach.
| |
Tsien
Soms tocht ik dat beppe myn mem wie. Wêr't dy gedachte weikaam, is net mear nei te gean. It kaam faak foar dat ik my ferspruts en ‘mem’ sei, as ik ‘beppe’ bedoelde. Oan de oare kant ferhefte ik master ek wol ta ‘mem’, wat steefêst yn seeën fan jûchhei in glimke fan syn kant opsmiet.
‘Jacob hat in soad memmen’, waard der sein en dat wie miskien ek wol sa.
Op in dei helle se de kreaze klean út 'e kast wei, want wy moasten nei Ljouwert. Alle jierren waard dy reis ûndernommen troch de Nauta-froulju, want yn de haadstêd wiene mear winkels, it guod wie minder djoer, it tilde fan de moaie oanbiedings en wy moasten fral net miene dat soks wer kaam. De gedachte dat in oar foar in prikje de prachtichste saken op 'e kop tikke, wie foar beppe net te fernearen. Se wie dan ek hiel gefoelich as it op oanbiedings oankaam. Yn 'e krante waarden de advertinsjes sekuer neisjoen. Stel je foar dat der wat oan har skerp each ûntkaam, it soe net bêst wêze. Yn 'e regel gie it om klean, in knappe winterjas dy't by 't simmer in stik goedkeaper wie of in simmerjas, dy't yn de kâlde tiid wol ‘de helte’ skeelde.
Ditkear gie it om hiel wat oars. Beppe hie wat lêzen oer in stofsûger. Net elkenien hie ‘sa'n ding’, sels omke Jarich net en it soe wol moai wêze om ‘soks’ te hawwen.
Letter hearde ik fan mem dat it yndie omke Jarich wie dy't achter har winsk siet. Hy hie op de ien of oare manier in opmer- | |
| |
king makke oer de tiid, ‘guon Nauta's wiene wat achterop rekke’ of sokssawat.
Beppe woe dus in stofsûger. De pleats suchte fan ferwûndering, de muorren kreaken optein, de dakpannen gniisden har stikken. Wie dit deselde beppe dy't op lange winterdagen it elektrike ljocht moai út liet om't sa'n lampke allinnich mar jild koste? De Nauta's seagen ienriedich op fan har fernijingsdrang.
‘Wat wol mem dêr no mei?’ woe muoike witte. Sels pake, dy't him oars net bemuoide mei it oankeapbelied fan froulju, gie it wat te grou.
‘Wat is der mis mei in biezem?’ woe er witte.
It wie wier. De pleats waard al sûnt generaasjes skjinfage mei de biezem. En hoe faak skoden de froulju net oer de flierren mei feger en blik?
‘De tiden feroarje en ik wurd âlder,’ wie it iennichste dat beppe deroer kwyt woe.
Dêr rûnen wy, beppe en mem foarop, muoike en ik der as in pear einen achteroan. Oars giene wy altyd mei de tram, mar dy ried doe al net mear. It stasjon wie mar in hoannestap, de reis mei de trein in sensaasje.
‘Ast it sels mar betellest, oars is de winst fuort,’ hie beppe tsjin mem sein.
En mem hie it betelle, elke sint! Achter it rútsje skeat it Fryske lân oan ús foarby, greide, greide, greide. De kûpee siet net iens fol. In pear amtners, trije soldaten en dat wie it wol.
‘Sjoch foar dy,’ grommele beppe, doe't muoike wat al te faak harren kant út seach.
‘Sjong ris wat,’ sei beppe myn kant út, mar dat mocht net fan mem.
‘Sis dan mar wat plakken op!’
‘Watfoar plakken?’
‘Uh, even sjen, de plakken fan Frankryk!’
‘Parijs, Versailles, Rouen, Le Havre...’
It wie oarloch. De wrâld stie yn 'e brân en oeral lôgen de fjoe- | |
| |
ren op. Minsken jagen elkoar op, fan de iene oseaan nei de oare en werom. Fleantugen skeaten heech boppe ús hollen troch de atmosfear, swier fan de bommen. Mar yn 'e trein siet Jacob Nauta en mei syn heldere jongesstim sei er de plakken fan Frankryk op, om't beppe, syn twadde mem, derom frege.
‘Parijs, Versailles, Rouen, Le Havre...’
‘Ik ha sa'n aardichheid oan dat jonkje fan jim,’ glimke se tefreden mem har kant út.
‘In tûk baaske, der sit in kopke op...’
‘...Mar moatst him wol mear iten jaan,’ hong muoike de bekende stmt achter beppe har útspraak, ‘Hy kin it wol brûke!’
It stasjon fan Ljouwert wie it grutste stasjon fan de hiele wrâld. By ús seachst altyd mar ien trein, mar hjir wiene der folle mear! Dy nei Grins stie dampend klear. Noch noait hie ik safolle rails by elkoar sjoen en ik frege my ôf hoe't de lokomotiven it paad wisten oer al dy izeren linten. Wy waarden opslokt troch de koele hichte fan de kape, de holle lûden fan it stasjon. By in kleanmakker op de Kelders krige ik hast in nije broek. Hast, want op it lêste nipperke betocht mem dat se noch wol in healsliten broek fan heit hie dy't hiel foardielich fermakke wurde koe. De baas fan it spul seach net al te bliid - syn eagen stikelen ús sawat ta de saak út - en yn it sok fan beppe sjouden wy fierder.
De stofsûger fan beppe har dreamen wie ferkocht. It wie in stevich ding mei in protte groom op de slide, fertelde in steile ferkeaper. Hy hie trije eksimplaren hân, mar yn in sucht - ‘Werklik wier, mefrou, jo hiene it sjen moatten!’ - wiene se ta de saak útsleept en dat noch wol - ‘Se wiene werklik hast om 'e nocht!’ - yn sa'n healwize tiid. Hy prate tsjin beppe, mar hie de grutste muoite har oan te sjen. Syn eagen draaiden hieltyd ús kant út, krekt of wisten se net oan wa't se it winkelguod slite moasten. In perfekte naad spjalte syn plakhier yn twa heiten. It eigenaardige wie dat ik dy liniaal allinnich mar sjen koe as er him ûnder it praten nei ús ta draaide.
‘Dus...,’ sei beppe.
| |
| |
‘Dus haw ik noch wol wat oars foar jo!’
By ‘jo’ seach er my oan en riitsten myn eagen in tel troch de fuorge op syn holle hinne.
‘Oja?’
De saak slokte de man op en spuide him in pear minuten letter wer út. Hy klamme in stofsûger oan 't boarst of wie it in lytse poppe.
‘In échte Ritsuma, frou...’
‘Dat kin wol wêze, mar...’
‘It is fansels gjin nije mear, mar hy docht it noch bêst!’
It ding wie grien, skurf oan alle kanten en net om oan te sjen.
‘De slang is fernijd en dêr giet it om,’ stinde de ferkeaper, wylst er mei in skean each de oare Nauta's sekuer yn 'e gaten hold.
‘Docht er it echt?’ frege mem.
‘Dit ding is sa sterk, hy sûcht in ryksdaalder op, werklik wier, mefrou!’
Dat hie er better net sizze kind.
‘In Willemyntsje?’ frege muoike, dy't no ek wekker waard.
‘Der sit gewoan in sterke motor yn, 220 fok!’
‘Lit sjen!’
Dat wie net de bedoeling fansels en in Willemyntsje hie de man net by de hân.
‘Dan mar in blikje...’
Beppe begûn aardichheid oan it gefal te krijen en oft de ferkeaper it no woe of net, it moast wêze. Hy suchte - de naad seach my ferwezen oan - en helle in oarlochssint út 'e kassa. Doe't er it skurve ding yn 't wurk sette, like it wol of waard de hiele Luftwaffe de startbaan opjage. De Messesmiters stoden my om de holle en Wibel, de aardichste piloat fan de hiele oarloch, swaaide nei my út 'e cockpit wei. Wylst de stofsûger de lucht yn 'e winkel fan de iene ein nei de oare oersette, frege ik my even ôf hoe't it mei him gean soe, ik hie tiden net oan him tocht. Yn in ferheard rûntsje stiene wy om it tjirgjende apparaat hinne. De ferkeaper
| |
| |
lei de munt op de flier, pleatste it sûchstik derop en liet it blikje troch de slang hinne rattelje.
‘Ferkocht!’ raasde beppe troch de saak, doe't de sint de ierde ferlitten hie. Pas yn de trein betocht mem dat dy sint noch wol yn it apparaat sitte soe, want de man hie him der net wer úthelle. De oerwinning wie kompleet. Net allinnich hiene de Nauta's as earsten yn de famylje in stofsûger - ‘Wat sil Jarich opsjen!’ - mar it ding wie ek noch goedkeaper as goedkeap en dan wie dy sint der noch net iens ôf! De froulju skuorden har de bûsen út, mar ik die net mei.
Myn gedachten wiene stykjen bleaun by Wibel, de piloat dy't altyd nei my swaaide. Hoe soe it mei him wêze? It wie sa gefaarlik dêrboppe yn 'e loft, soe er wol goed oppasse? Wylst mem, muoike en beppe de grutste wille hiene, besleat ik dat ik dy jûns foar it sliepen gean foar him bidde soe. Wylst ik oan him tocht, koe ik net om Wibeltsje hinne. Ek him, it himpen soldaatsje dat op de reed hast út de auto foel, soe ik neame. Ik hie him al in skoftke net sjoen, miskien wie er oerpleatst of sa.
Mei in echte Ritsuma stofsûger yn 'e earmen stapte beppe it hiem op. Fuortendaliks klapte se it apparaat iepen om dy sint, want ‘dy ha wy mar wer!’
Noch fier nei de oarloch soe it ding de gong as startbaan brûke, om dan mei in alderheislikst kabaal de foarein om te setten yn in fakuüm. Machtich wie dat, ik wie der net by wei te slaan. Wat wie der moaier as de holle foar it blaasgat te hâlden en mei waaihier en al yn de stoarm op te balten? Ik raasde fan alles, beppe ferstie neat en ik wie de gelokkichste jonge fan de hiele wrâld.
| |
Alve
No't de kast fan omke Geart foar de joadegong fan de golle stie, wie it net mear sa maklik yn de laden om te sneupen. Hy dage my alle kearen as ik him seach út nei boppen ta te kommen om in
| |
| |
skot te weagjen, mar ik doarst it net. Ik moast der net oan tinke dat immen my trappearre. In echte Nauta liet him no ienris net graach yn 'e kaart sjen, ik woe myn kânsen net ferspylje. Om't myn ûnthâld de kaaien fan de laadsjes achter de klep ferbûn hie mei it ikehouten kastke dat altyd neist omke syn skearspegel hong, wie it de baas dát ding earst te finen. It kastke moast hast wol op west hingje, mar net yn 'e keamer. Sûnt muoike om de safolle dagen myn broek losknope om in brief foar Job op myn pyltsje te setten, kaam ik dêr faak genôch om te witten dat ik nei alle gedachten yn de sliepkeammerkes wêze moast.
Doe't muoike op in dei om boadskippen wie, weage ik myn kâns. Op in papierke hie ik it ferlechje fan de ieu fêstlein. Mocht immen my oer it mad komme, dan soe Jacob Nauta, ferneamd akteur, mei it meast ûnskuldige gesicht dat er op foarrie hie, fertelle dat er krekt syn muoike socht om't er no wolris witte woe - hjir soe er it papierke út 'e bûse helje - wat ‘dit’ foar lân wie. De betraper soe dan konfrontearre wurde mei it ûnferjitlike ΕΛΛΑΣ, dat heimsinnige lân dat earne yn Súd-Europa tahâlde moast, mar dêr't gjinien de gewoane namme noch fan wist. Ik betocht dat ΕΛΛΑΣ my noch wol faker fan pas komme koe, salang't ik de oplossing net witte woe. Miskien wie it handich dat papierke altyd by my te hawwen en ik besleat it op te nimmen yn de list mei Manieren Fan Dwaan.
Ut 'e keamer wei strúnde ik muoikes kant út. Op west wie it stil, in stik stiller as yn de gewoane keamer, dêr't altyd wol folk wie. De lûden fan it hûs liken by muoike wei te wurden. Ik tocht dat it kaam fan it tsjokke, reade taffelskleed, de swiere flierbedekking en de beklaaide stuollen, want muoike hold fan moai.
Fluch rûn ik troch nei it tuskenkeammerke, mar útsein in bêd, in stoel, in taffeltsje mei in laad en in waskkom wie der fierder neat te finen. It leafst woe ik sa fluch mooglik hjirwei, it hert klopkloppe al heech genôch yn 'e kiel. Ik fielde de fûle slaggen hast by myn earen en even wie ik bang dat dit weachstik myn dea wurde koe as ik sa trochgie. Dochs luts myn domdryste hân foar
| |
| |
de wissichheid it laadsje iepen. Ik fûn in kaam, in boarstel, in doaske mei twa earbellen en in bibeltsje mei gouden slot. As wy nei tsjerke ta rûnen, hold se dat sierlik yn 'e hân, it goud gunstere dan sa moai yn 'e sinne. Myn hert fergeat in slach doe't ik in kaai achter de bibel fûn, mar in tel letter begriep ik dat dy by it laadsje hearde. Noch ien kear joech ik myn eagen de kost, mar nee, gjin skearkastke fan omke Geart en dus gjin kaaien fan de laadsjes achter de klep.
It iennichste plak dêr't ik noch net socht, wiene de twa sliepkeamers boppe, mar earst moast ik sjen dat ik hjirwei kaam. Gau rûn ik werom nei de keamer ta, dûkte foar de ruten lâns en soe fuort. Op it lêste momint betochten myn gedachten dat ik, no't ik dochs oan 'e gong wie, ek bêst even yn muoikes antike kast sjen koe. Ik die it fuortendaliks, neitinke wie net ferstannich, ik koe samar op oare gedachten komme. Wylst ik om 'e tafel rûn taaste myn hân yn 'e bûse nei it ferlechje as muoike deryn komme soe, nei it papierke mei ΕΛΛΑΣ. It wie in gerêststellende gedachte te witten dat der tenei altyd in lân wie dêr't ik by gefal fan need hinne flechtsje koe, dêr't ik feilich wie foar alle ûngemakken en gefaren.
Beret luts ik de beide laden tagelyk iepen. It binneneach sirkele oer de ynhâld hinne, wylst syn kollega de doar yn 'e gaten hold.
It earste dat opfoel wie in brief. Of better sein, de postsegel, want myn skrift wie noch lang net fol. It wie ien fan Portugal Correio, ien mei in boat en trije stjerren. Op slach wie ik it doel fan myn spionaazjereis fergetten. Wêrom hie ik dy postsegel net krigen? Ik waard suver in bytsje lilk. Ik miende dat muoike alle postsegels ôfweakke mei har triennen, droege yn it finsterbank om se dêrnei op myn sammelstoel te lizzen. De brief kaam dúdlik fan Harrie Boven, de hast ferdronken seeman, dy't nei syn ferrizenis út 'e dea dochs noait wer boppe wetter kaam. Myn koekeloerfingers sieten ynienen oan 'e binnenkant fan it slúfke en hellen it knûkelige briefke foar it
| |
| |
ljocht. In lang ferhaal wie it net. Wiene dizze letters wol foar my ornearre? Ik leau, ik haw it my net iens ôffrege. Myn gedachten stjoerden it binneneach oer it bledsje sûnder in spoar fan sknipules.
Porto, 27 maart 1940.
Beste Gel,
Ik heb al een tijdje niets meer van me laten horen en met reden! Ik heb de afgelopen tijd een paar dingen op een rijtje te zetten. Mijn... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... ... is het beter elkaar voorlopig niet meer te ... ... ... ...
In skoftke stie ik mei de lêste wurden fan Harrie Boven yn 'e hannen.
Dus it wie sa. De ferkearing wie útmakke, Harrie wie dúdlik genôch. Sa diene grutte minsken sokke dingen. Gewoan in brief skriuwe as je it nocht fan elkoar ôf hiene, ôfskie fan elkoar nimme mei in groetnis oan ‘je familie’ en dat wie it dan.
Ynienen wie ik werom op de pleats yn muoike Gel har keamer. Ferhip, wat die ik hjir eins, it like wol of stie ik op myn eigen sliepkeammerke! Hastich befodde ik it papierke yn de slúf en lei de brief hastich werom op it steapeltsje. Oare brieven? Soene dêr ek noch postsegels op sitte? Fluch pakte ik de hiele bringst en liet myn wiis- en middelfinger de boel trochnoaskje. Ta myn fernuvering ûntduts ik noch ferskeidene brieven mei postsegel. Wat moast ik no? Meinimme? Dat wie dochs al te gek, ik moast fuort, fuort. It sprille hert begûn my op te jeien, de fingers trillen my. Ik lei alles sa kreas mooglik werom, skode beide laden ticht en spile fan ruten.
Dêr rûn er wer hinne mei syn ûnskuldige kopke, Jacob Nauta, hast tolve. Hy tocht al lang net mear oan de kaaien dy't er socht. De iennichste gedachte dy't er yn 'e holle hie, gie oer de postsegel mei in skip ûnder trije stjerren, in skip mei Harrie Boven
| |
| |
oan it machtige stjoer, mar hy fear in oare kant út, nei kontininten dêr't er oare froulju socht, want fan muoike Gel hie er ôfskie naam oant yn alle ivichheden.
| |
Tolve
Muoike siet foar de spegel en lake. Se lake rjocht foarút, de holle ticht by it glês om it effekt optimaal te ûndergean. Earst sette se de tosken op de ûnderlippe, deselde dy't der yn 'e regel foar soarge dat se der wat prot útseach. Doe die se de mûle iepen en sei hghghg. It hearde krekt of wie se net goed, it wie sa'n lûd dat je hearden by pasjinten dy't gjin lucht krije koene. Tefreden wie se net. Se besocht it nochris, no mei de lippen wat fierder fan elkoar. Ditkear wie it mear hgahgahga. Dit laitsjen befoel better, want se die it noch in kear, wêrby't se de holle wat achteroer knikte. Se draaide in fearnsslach en herhelle it hgahgahga, no wat lûder yn kombinaasje mei it knikken fan de holle en it aksint op de earste maat: ‘Hgáhgahga!’
Har eagen keatsten fia it kâlde spegelglês myn kant út.
‘Wat fynst derfan, kin it sa?’
Ik stie der wat ferbûke by. Yn myn holle koe ik de wurden fan it antwurd mar min teplak krije, om't de gedachte dat ik hjirwei moast baas oer alle oare gedachten wie. Wat die ik hjir yn muoikes keamer, ik hie gewoan trochrinne moatten nei de skuorre, nei bûten ta, nei Harm, de hinnen, nei pake, beppe, mem, Job, nei it hok, it bitefjild, de Tsjommerfeart, nei skoalle, in slach troch de Prikkebuert, om myn part woe ik sels wol nei Klaas Brechje, as ik mar by dy healwize muoike Gel weikomme koe. Even frege ik my ôf oft dit foar de spegel laitsjende en de holle achteroer smitende frommes muoike wol wie, sa raar like har dwaan. Mar myn ferstân sei dat sy it wêze moast, dizze frou hie ommers muoikes gesicht en dêr wie der mar ien fan útjûn, om presys te wêzen op 27 oktober 1907. Boppedat siet se op west,
| |
| |
hie se deselde jurk oan, itselde hier, alles wie sa gelyk, dit moast muoike Gel wol wêze, in fersin wie útsletten. Dochs sakke myn ferhearde mûle iepen, koene myn eagen it byld fan muoike yn de spegel net loslitte.
Se wie ryp foar it gekkehûs yn 'e stêd, se koe sa meirinne tusken al dy oare sjutsjes dy't in libben lang yn hegere atmosfearen ferkearden. As wy in espeltsje fan dy froulju tsjinkamen, rûnen wy der mei in bocht om hinne, al wie der genôch personiel by. Foppe Briltsje rôp wolris fan ‘ouwegekmetdelepelindebek’, mar hy wie de iennichste. Sokke helden wiene wy net, foar't je it wisten siet ien of oare idioat je achter de broek oan, of slimmer noch, de susters en dy hiene wat yn 'e bouten. De gedachte allinnich al dat muoike Gel...
‘Bist dôf of sa, wat fynst derfan?’ herhelle se de fraach.
‘Wêrfan?’ suchte myn iepensteande mûle.
Ik hie myn iene hân yn 'e bûse, yn it swit dreau ien fan myn fêste Manieren Fan Dwaan, it briefke mei it noch altyd ûnbekende ΕΛΛΑΣ.
‘Ik wol gewoan witte oft ik sa goed laitsje, dus sis ris wat!’
Op 'e nij mikte se de holle yn 'e nekke en guorrele fan ‘hgáhgahgaaaa!’
‘Hè ferdarry, no kin ik it net mear...,’ en sûnder op myn antwurd te wachtsjen sette se wer út ein.
‘No, hoe fynst it?’
‘Ja, ik wit net...’
‘Laitsje do dan ris, kom hjir!’ wonk har ûngeduldige hân.
Se pakte my by 't skouder en sette my foar de spegel. Wat stie ik der ûnnoazel by, fûn iksels. Myn te grutte earen hearden sa stadichoan net mear oan in holle te sitten, se stiene ek sa wiid, krekt seilen oan in boatsje. Ik betocht dat it miskien better wie se wat faker plat te drukken, dan soene se har fansels deljaan. No die ik der noch net folle oan. Allinnich foar it sliepen gean draaide ik my wat faker fan de iene op de oare side, it kjessen soe de rest wol dwaan.
| |
| |
‘No, dêr wiest al, laitsje ris foar muoike!’
Ik lake, mar ik seach faort wol dat it gjin súkses wie.
‘It moat natuerlik lykje, kom op en doch de holle wat mear yn 'e nekke.’
Har wiisfinger lei ynienen dwars ûnder myn kin, tilde it gesicht op en liet los.
‘Noch inkear...’
‘Hahahg,’ skrabe myn kiel.
‘Nochris!’
Har mûle seach de keimst sa goed mooglik ôf, sakke iepen, klapte ticht tagelyk mei dy fan my.
‘HAHAHA!’
Ik begûn myn nocht te krijen. Wat in stom gedoch.
‘Hat muoike ek noch postsegels, der leit noait mear wat op myn stoel,’ seurde ik.
Se treau my oan 'e kant en die it laad iepen. Om foar te kommen dat ik wat seach, bûgde se har liif tusken de kast en myn nijsgjirrigens. Fluch seach se de brieven troch, mar se koe neat fine.
‘Nee, mar ik sil strak noch wol even goed sjen. Wat kaamst hjir eins dwaan?’
Ik luts it switterige ΕΛΛΑΣ te foarskyn en tearde it papierke iepen.
‘Wit muoike al watfoar lân dit is?’
Se skodholle de fraach ta de keamer út.
‘Ik haw der noch net nei sjoen en trouwens, hoe soe ik dat witte moatte?’
‘No, hiel gewoan, as muoike no noch wit fan hokker brief dizze postsegel komt, dan stiet it der grif wol yn...’
In skoftke seach se my oan.
‘Dat hast net gek betocht, do bist net stom, do bist hielendal net stom, mar ik wit it echt net mear, écht net!’
Dat wie spitich en wat noch slimmer wie, it papierke mei ΕΛΛΑΣ koe 'k de earste tiid net wer brûke...
| |
| |
‘Wol muoike der nochris om sykje?’
‘Goed, goed, ik doch it wol...’
Dy wie binnen. Sa koe ik letter teminsten nochris dizze kant út en mocht muoike der dan wer wêze, hie 'k altyd in ferlechje.
Dyselde jûns oan 'e itenstafel foel it earst suver net op. It praat wie itselde, it gie oer kij, hea, Dútsers, Alliearden, de Alde Swarte, dy't wat krebintich begûn te warden, it gewoane praat fan alle dagen. It iennichste dat ôfwykte fan it patroan wie it gedrach fan muoike Gel. Ynearsten die se noch frij gewoan, mar myn binnenear hie it al in pear kear heard. It laitsjen fan muoike hong noch yn 'e mûle, yn 'e stringen holden achter it stekje fan har tosken. Skerp sûze de lucht dertuskentroch, ik hearde wat de oaren net fernamen. Se wiene fierste drok mei eigen gedachten, eigen wurden, op muoike waard gjin achtslein. Doe makke pake in opmerking - ik leau dat it gie oer de buks fan Klaas Brechje, mar it kin ek wat oars west hawwe - en dêr foel it wol op.
Muoike smiet har prottelige kopke achteroer en deklamearre: ‘Hgáhgahga!’
Ik hie it sicht op mem. Har hân hie in beweging nei in stikje bôle ynset, mar fier kaam dy net. Heit seach fluch fansiden, die krekt of hie er neat fernommen en it praat gie fierder. It duorre net lang of muoike ûntduts noch in gelegenheid har keunstje op te fieren. Boppedat begûn se mei te praten. De wurden saaiden as storein oer de tafel hinne. Ek seach se elk dy't wat sei o sa belangstellend oan, wat se oars noait die. Gewoanlik siet se derby of hie se neat mei de hiele soai te krijen. No wie dat folslein oars: har wrâld stie op 'e kop en dêrmei dy fan ús. Beppe koe it op it lêst net mear úthâlde.
‘Wat is der mei dy?’ biet se de wurden muoikes kant út.
‘Hoesa?’
‘Doch net sa ûnnoazel, witst bêst wat mem bedoelt...,’ foel heit út.
‘Mei ik neat sizze dan?’
Har mûltsje stie alwer op ûnwaar. Prot wiisden har taknypte
| |
| |
lipkes de wei werom nei de âlde tiid. Elkenien sakke tefreden werom yn de slytspoaren fan it wenstige patroan, sa koene se muoike wer. De iennichste dy't de saak net hielendal fertroude wie ik, Jacob Nauta. Hie ik net mei muoike foar de spegel stien, wie ik net har postrinder? Nee, dom wie ik net. Ik hie sa myn gedachten oer it frjemde gedrach dat muoike fertoande, al koe ik neat bewize. Foar it earst krige ik - sûnder dat ik it beneame koe - it gefoel dat ik in stapke foarút wie op de rest fan de Nauta's, hoe folwoeksen dy ek wiene. It wie in waarm en grut gefoel, ik joech my der noflik yn del.
De oare deis leine der trije postsegels op myn stoel, ien út Itaalje en twa út Frankryk. Allinnich dy fan Harries lêste brief mei de boat en trije stjerren lei der noch net by, mar ik siet der net oer yn. It soe net lang mear duorje, dan soe muoike dy ek ôfweakje mei har triennen, droegje yn it finsterbank en offerje op myn sammelstoel yn de gewoane keamer.
| |
Trettjin
Miskien wie net elkenien like wiis mei de komst fan Job, de liguster dy't op de súdwesthoeke fan de pleats sa fûleindich it hiem opskeat, wie dat wol. Hoe lang hie er net ienlik neist de pleats stien te heukerjen, foar't LeviStrauss him beselskippe? Wat wie de hage gelokkich, doe't beppe mei in âlde matte op Gibraltar de hûn in thús oanbea. Foar de hûn wie dit ek in daaldersk plakje. Tenei koe it bist alles en elkenien sekuer yn 'e gaten hâlde, oft it no gie om feekeaplju, froulju dy't om skieppetsiis kamen of de post, der ûntkaam him neat. Wa't der ek oer it hiem strúnde, ivich en altyd draaiden de twa koppen mei. Seachst syn kant op, dan reagen de twa sturten optein yn 'e liguster om, earst noch wat flau, dan hieltyd fûler oant se LeviStrauss klapklapklappend op 'e poaten setten. Wa't dan ek noch begûn te laitsjen, waard bedobbe ûnder alle leafde dy't in dûbele hûn oan in minske skin- | |
| |
ke koe. Deun wie it bist bepaald net. Slikje, jankerje, poatsjes jaan, neat wie him te folle muoite om syn slachtoffer der mar fan te oertsjûgjen dat hy echt wat foar syn baaske oerhie. En dat wie Jacob Nauta, want sa faak weage Job him net bûtendoar. Nachts sliepte LeviStrauss yn 'e skuorre, mar sa gau't de skuordoar iepengie, wie er handich bûten, want dêr barden de wichtichste dingen. As ik dan it hiem oprûn, siet er al drok te wachtsjen, de rôze tongen as slabkes op it boarst.
It leafst gie er mei my nei de feart ta. It wetter fan de Trekfeart foarme de op ien nei grutste útdaging dy't er him mar yntinke koe. De op ien nei grutste, want de deistige jacht op de post stie by him neffens Job al jierren op nûmer ien. Ik draafde troch de finne, LeviStrauss stode as in Messesmiter leech oer it gers mei. Earst wist it bist himsels noch te berinnen, mar al gau spjalte er op yn twa evenbylden. Levi gisele my oan de iene kant foarby, Strauss as syn spegeling oan de oare. In tel letter stroffele ik hast oer de acht poaten, want steefêst kamen de bisten werom om tastimming te freegjen foar de folgjende aksje. Se ferraanden dan wer like hurd ta de fertroude LeviStrauss dy't sa fûleindich hiem en pleats bewekke fan de âlde matte by de liguster ôf. It wie de grins tusken lân en wetter dy't it bist yn 'e besnijing hold, oars koe ik syn entûsjasme net ferklearje.
Ienkear by de feart, wie Levi net by it wetter wei te slaan. Hy besnúfke it skolperige wetter fan alle kanten, krekt of woe er witte wêr't it weikaam. Wat rûkte er oars as de wietichheid flak ûnder syn noas? De wolken dêr't de drippen út wei saaiden op de boulannen achter Achlum? Of miskien de fiere kusten dêr't dit wetter miskien jierren ferlyn al by lâns streamde? Ik koe it mar net begripe, hoe't ik ek yn de fine flonkering fan de fersnipele sinne opdikere.
Strauss wie wat foarsichtiger. Hy fertroude de feart op de ien of oare manier net. Mei it nekkehier rjochtoerein stie er grânzgjend op in feilige distânsje it wetter yn 'e gaten te hâlden. De sensaasje siet foar him - tocht ik - yn de beweging dy't it allege- | |
| |
duerigen makke. De feart libbe en foarme dêrmei in gefaar foar syn evenbyld. As Levi wat al te folle weage, begûn er te blaffen. Net gewoan as op it hiem, folút, mei oertsjûging en sa lang as de lucht yn syn longen him tastie, mar koart, net faker as twa, heechút trije kear. Levi seach dan even op, die in stapke tebek, om dan wer op de skieding tusken finne en wetter oan te fallen. Fan alles fûn er dêr. In fleske, stiennen, in deade seefûgel, it wie allegear like nijsgjirrich.
De tiid by de Trekfeart wie kostber. Gjin minút mocht ferlern gean, want foar't je it wisten gie de baas wer op hûs oan. Mem stie yn de syddoar te roppen.
‘Iiiiite!’
Fjouwer earen waarden opstutsen, Levi besnúfke noch ien kear de wrâld dy't hjir foar him iepen lei en dêr draafden wy op hûs oan. Strauss seach my tefreden oan, hy hie der wer mei ôfweefd. Levi lei wurch by de liguster, te wurch om ek noch mar ien giseltsje mei de sturt te meitsjen. Even letter lei de hûn iendrachtich te slûgjen op de matte.
| |
Fjirtjin
Beppe har knopebakje wie eins in blompot. Op de glazuere bûtenkant wiene wite leeljes bakt, de blêden kringelen keunstich yn elkoar om en foarmen sa in frisling dy't de pot yn 't ferbân hold. Dat moast ek wol, it ding wie âlder as beppe sels. Muoike hie wolris frege oft sy him hawwe mocht, mar dêr kaam neat fan yn.
De pot wie ‘ideaal’ foar it doel dat beppe betocht hie, se bewarre alle tydlik frijstelde knopen deryn. Tydlik, want alle eksimplaren krigen ier of let harren âlde funksje werom, der wie gjin ûntkommen oan. Oft elk der like wiis mei wie, is in oar ferhaal. Om't beppe te deun wie om nije te keapjen, naaide se lege plakken op jas, himd en broek fol mei it guod út har knopebakje.
| |
| |
Se steurde har der net oan oft de kleur fan de oerwinneling paste by de oare knopen, wy moasten ommers bliid wêze dat de oplossing fan it probleem sa goedkeap wie.
‘Dat ha wy mar wer,’ stinde se tefreden, mar it like bytiden op apen. Handich wie it bakje oars wol. As Harm en ik in spultsje diene, koene de knopen goed fan pas komme. Wy brûkten dy dingen sels wol as knikkerts, se wiene op 't lêst rûn en alles wat rûn wie, woe rôlje.
Bûten wie it waarm, de lucht fielde suver lij oan. De klean plakten oan it fel en wy ferfeelden ús. It fee lei foar dea yn it lân, de skiep himen de oeren fol mei tsiis. Yn de hiele pleats hong de benaude lucht fan nij hea, sels op 'e gong wie it net te bankjen. Wy bedarren yn de gewoane keamer en wiene ús ried tenein.
‘Wat sille wy dwaan?’ sangere Harm syn nasale stimke.
‘Damje?’
Hy knikte sleau. Sûnder derby nei te tinken setten myn boartershannen de knopebak op 'e tafel. De helte fan de houtsjes wie as reek ferflein, mar mei beppe har reserveguod koe der likegoed damme wurde. Myn hân hong yn it fakuüm boppe de bak, doe't myn gedachten ynienen in sprong werom yn 'e tiid makken. Ik seach in byld fan mysels op de flier, boartsjend mei knopen, spjelden en oare rommeltsjes. Al earder hie ik de hiele blombak omkipere en ik betocht dat der ek in pear kaaien tusken leine. Fuortdaliks... Nee, ik moast wachtsje, Harm soe krekt witte wolle wat ik dêrmei fan doel wie en myn eamelmûle soe him grif net stilhâlde kinne.
It duorre en it duorre foar't Harm fuort wie. Dochs koe ik de kaai net sykje, want dan wie beppe der, muoike kaam noch even del, doe beppe wer - ‘moatst net nei bûten ta, Jacob?’ - en ta beslút helle mem de krante. Ik hie it damspul noch op 'e tafel en siet in potsje tsjin mysels te spyljen. Earst oan de iene kant, dan wer nei de oare kant fan de tafel, ik sirkele en sirkele mar troch oant ik allinnich wie. Fluch teante ik nei de doar om te sjen oft de kust feilich wie, doe lege ik de knopebak en stroffelen myn
| |
| |
hastige fingers troch de ynhâld. Dêr hold ik him al yn 'e hannen, de kaai fan omke Geart syn kast.
Hoe lang hie ik derom socht en no't ik him hie, wie it like gewoan as de protters op it dak. Ik rêde de rommel op en rûn mei de brânende kaai yn 'e bûse de skuorre yn. Stil wie it dêr, útstoarn lei de pleats oan myn fuotten. Fansels wie dat mar skyn, sa't alles by ús thús skyn wie, mar ik hie ditkear net it geduld foarsichtich te wêzen. De iennichste dy't my yn 'e gaten krije koe, wie Job, want dy siet yn it flokhok, al wisten je it noait. Okkerdeis hold er op ljochtskyndei by de hûn op 'e matte ta. Doe't heit him ûntduts wie it net bêst, Job moast ‘als de bliksem’ meitsje dat er yn 'e hûs kaam en dat die er ek. Hy siet dan wol moai achter de liguster, mar ‘ferkearde eagen’ seagen alles.
De kaai paste op de klep sa't er altyd paste. Wat soe de kast my fertelle? De seis laadsjes fleagen iepen, sa bliid wiene se dat der wer ris ien delkaam. Trije wiene leech. Foar de wissichheid fielde ik de hoekjes nei, ik woe neat misse. Yn it fjirde lei omke syn folpinne, ik koe him fuort werom oan it ljochtbrune marmermotyf op de dop. Wat die dy hjir no? Der wie gjin tiid foar in antwurd, sacht lei ik him werom. Yn it fyfde laad fûn ik it boekje fan John Bunyan. Gau burch ik it op yn myn brievebus, mar it wie te lyts en sakke fuortdaliks kâld ta myn broek yn oant it troch myn betûfte pyltsje opkeard waard. Ik hie it net oan tiid it wer op te djipjen. Fluch seach ik noch even yn it lêste laadsje. Der leine in pear dobbelstiennen, in pear lege stjonkfleskes, omke syn horloazje - it wie healwei trijen - en wat papieren. Dy woe ik ek noch meinimme, mar dan soe de bult op myn broek wol hiel grou wurde. Ik betocht dat ik de boel letter noch wolris trochnoaskje koe. Ik die de klep wer op 't slot, it binnenear hearde even oft Job ek achter de kast weikaam, it bûteneach seach foar de lêste kear nei de skuordoar en doe knoffele ik mei ien hân op 'e bûk - it fielde krekt of woe it boekje troch de boksen nei bûten ta glydzje - nei ûnderen ta.
Heit kaam út it lytsbûthús wei, seach my yn it foarbygean oan,
| |
| |
woe wat sizze, sei dochs mar neat en rûn hastich nei bûten ta. Wêr koe ik sa gau mei dat boekje terjochte? Wêrom hie ik it eins meinommen? Ik tink dat ik it gewoan nochris besjen woe, omke hie der sa faak út ferteld. Der wie gjinien yn it hok. It knoopke die ik los. Dêr stie ik yn myn broek om te griemen, it boekje hong op healwei. Yn de hoekjes fan it hurde kartonnen kaft wie in reliëf oanbrocht, yn 'e midden stiene yn goud de letters BUNJAN mei in stipke der achter. De tekst wie yn 'e regel te dreech foar my, mar de njoggen platen makken in soad goed. Omke fertelde by dy gravueres it ferhaal fan in man dy't lústere nei ‘Christen’ en dy't op reis gie om it ivige libben te finen. Underweis kaam er allegear figueren tsjin mei nammen as ‘Godvruchtigheid’, ‘Passie’ en ‘Uitlegger’, allegear besochten se him te helpen of krekt fan syn doel ôf te heljen. Doe't ‘Christen’ syn swiere sûndelêst troch in dal tôge, kaam er in meunster mei de namme Apollyon tsjin. Dy seach der aldermâlst út. Hy wie - ‘Witst wol wa't der mei Appolyon bedoeld wurdt, Jacob?’ - skobbich as in fisk, hie wjukken as in draak en poaten as in bear. Ut syn bûk kaam fjoer en reek en syn mûle wie as de bek fan in liuw. Hy stie midden op 'e wei en frege: ‘Waar komt gij vandaan en waar wilt gij naar toe?’ As omke dy wurden deklamearre, spegele myn mûle de tekst, ik koe elke rigel út 'e holle.
Foarsichtich blêde ik de siden troch. Ik woe de plaat mei Appolyon noch wolris...
It boekje klapte iepen by side 142, in foto rûgele derút en sylde ûnder de wurkbank. Myn hert fergeat syn slach te slaan, doe't myn ferstân de komposysje dy't sa hastich oan myn eagen foarby fleach, yn elkoar sette. In frou? Fluch socht ik de foto op. Myn gedachten sloegen op 'e rin. Ik seach it hier, it rûne gesicht, de lyntsjes fan wynbrauwen, in moaie noas, de bûging fan in ear en alles tûmele krekt salang troch elkoar oant alles teplak siet. Doe pas kaam der in gesicht oan it ljocht. Leaf lake it my oan. It wie frou Skelting.
|
|