| |
| |
| |
Tredde stien
De tredde stien is ûnderweis, ik soe ophâlde kinne. Trije heart by it âlde boek, dochs?
Job, ik slûpte dy achternei, doest nei it jûnsiten yn it lette skimerljocht in loopke makkest by it bitefjild del.
Der lei achter it hok in plankje oer de sleat. Ik wachte oant ik seach datst hast by de dyk wiest. Hoeden teante ik troch de smelle berm tusken reid en biten, healwei wachte ik wer en doest oer it spoar wiest, draafde ik fierder, want dan koest my net sjen, om't de spoardyk heger lei. Sa'n fyftich meter achter dy folge ik dyn printen yn it droege stof fan de reed. Ik ferbylde my dat ik dy net allinnich seach, mar dat ik dy ek rûke koe. Wy rûnen yn eastlike rjochting, oer de Lege Trije mei de popels en do folgest de sleatskanten, bang om sjoen te wurden. Alde Busse wist neat fan dyn bestean, hoe soe dy witte moatte dat it fertroud folk wie, man fan syn minsken, folk fan syn folk? Nei in tsien minuten kamen wy hjir út, op ‘it plak fan de deade minsken’.
‘Kom dêr noait fan dyn libbensdagen, de deade minsken skuorre dy sa de grûn yn,’ sa hong beppe de swarte wurden - Goatysk lettertype, Achtung! Achtung! - my foar de eagen. Pake biet mei grimmitige tosken, as woe er my sa út it libben wei frette, mar ik wie al te âld om noch ûnder de yndruk te wêzen.
‘Beppe moat net sa benaud wêze, ik bin al alve, ik ha der wolris west mei Harm en der wie neat te sjen, allinnich mar stiennen en dy diene my neat!’
Grut praat fan in lyts bern dat wekker wurdt en net wer sliepe wol.
It stekje - ek doe al rustich - diest altyd mei soarch wer ticht, mar earst seachst skerp om dy hinne, soms minutenlang, lang genôch om wis te wêzen. Sa bist grutbrocht, altyd op dyn
| |
| |
iepenst, bern fan dyn folk. Krekt as Hannah en Mosje Cohen, Bram Mozes, syn broer Sally en al dy oare nammen om my hinne. Ik lei dan achter de fierste popel, dyselde mei de brannettels, al wit ik fansels net oft it noch de oarspronklike beam is. It sil wol net, ek by beammen folget de iene generaasje op de oare, laach op laach op laach.
Hast my sjoen, doe op dy woansdeitejûn? Ynienen draaidest dy om en it wie krekt of seachst my lyk yn it gesicht mei in stil ferwiten, wat hie ik hjir te krijen? Hoe lang stiest nei my te dikerjen? Ik telde de tellen, it hert draafde foar my út. Ik wit it, ik hie weromgean moatten, mar ik koe it net. Myn fuotten wiene baas, se rûnen, teanten, rôpen help yn fan de knibbels, slûp, slûp, slûp! Myn rêchbonke bûgde gewillich mei, myn liif wie net te kearen, neat hie ik yn te bringen. Dêr rûnst it joadeplak op, ik slûpte nei it stek ta en seach om it loerhoekje fan de homeiepeal. Dêr stiest dyn kaddisj te sizzen. It koarte boppeliif bûgde ritmysk yn it ritme fan de biddende Joad, it ritme fan JHWH, deselde toanhichte, suver en ûnbegryplik âld. Itselde tempo, dêr't it hillige folk de gaskeamers mei yn rûn, it ritme fan de lêste siken, flugger en flugger, it roppen, it klimmen oer de liken om oan it swiere gas te ûntkommen. Leine de stientsjes dyst by it spoar gearfandele hiest, net by de ferware sarken? Ik krûpte hastich by it lege muorke del, út it sicht wei. Hoefolle meter wie der tusken dy en my? Twa? Trije? In miljoen?
Wiest fuort - it sûzjen fan dyn stappen ferjit ik net - dan wachte ik. Ik rûn it hôf op en fielde dy glêde stientsjes. Ik woe begripe, mar se bleaune swijsum stil. Wat hiene se op 't lêst te krijen mei in kristenjonkje dat allinnich mar nijsgjirrich wie?
| |
Ien
Ik koe net sliepe. Mem hie al har wurden útstald op de wollen tekken, suver al te waarm foar de tiid fan 't jier. Hjir en dêr hie se
| |
| |
de teksten skikt, behoffene, krekt as S. Kooi - wy seinen fan Skoai - de fleurige grienteman, dy't syn namme yn kapitalen op it winkelrút fervje litten hie, dy't o sa'n flyt die op it palet fan apels, parren, koal, radyskes en oare griente yn syn saak. Dêr leine se, al dy goed bedoelde letters, punten, komma's en fral útroptekens, fraachtekens en nochris útroptekens.
Skerpe, puntige wurden drukten feninige printen yn myn winterfel, as foarboaden fan de groeden dy't se ienris neilitte soene, mar dêr't ik doe noch neat fan wist. Wurden as ‘gefaarlik’, ‘mei net’, ‘tink derom’, ‘net tsjin Harm’, ‘net fertelle’, ‘neat merke litte’, ‘mûle foarby prate’, ‘gau thúskomme’, ‘sis neat’, ‘moatst’, ‘dy kinst better mije’, ‘wês foarsichtich’, ‘net yn 'e hûs’, ‘Ale ek net’, ‘stil hâlde’, ‘goed om tinke’, ‘silst goed útsjen’, ‘kalm bliuwe’ en ‘op skoalle gewoan dwaan.’
Ik skeukte hinne en wer ûnder de tekkens, ûnrêstich en ûngerêst, mei in hite holle, wurch fan it tinken. Alles hie syn foar, mar fan hjoed ôf ek syn tsjin. Ik moast kalm bliuwe, al wist ik noch net hoe't ik dat dwaan soe. As Harm by ús boartsje woe, dan koe ik dochs gjin nee sizze en krekt dwaan of wie er myn maat net mear? Mem hie maklik praten, Harm en Ale wiene tûk genôch, dy soene fan alles freegje en koe ik dan goed genôch lige? Soe ik net in kaam krije of begjinne te stammerjen, krekt as Henk Boeve, dy't wy, as wy lilk op him wiene, H-Henk B-Boeve neamden? Miskien soene se my dan wol útskelle as J-Jacob N-Nauta, dy't net mear boartsje woe om't er dêr te eigenwiis foar wie, wa soe it sizze? Ut skoalle wei moast ik daliks thúskomme, mar wa die dat no? Wy giene ommers altyd de stêd yn om te keatsen of om de mokkels achternei te sitten, want dat begûn in hiele aardichheid te wurden, mar hoe koe mem dat witte?
Nochris draaide ik my om, en wer ris, nei rjochts, nei links. Ik seach Job op it behang, in silhûet út in fiere stêd, in echte Joad en ik mocht gjin wurd oer him sizze al woe ik dat noch sa graach. In Joad, dy't strak ek op bêd lizze soe, op it keammerke ûnder, net iens safier by my wei. Hearde ik doe foar it earst syn stim op de
| |
| |
achtergrûn, krekt sa't ik dy tenei oeral en altyd hearre soe? Sliepe woe ik, mar ik koe it net. Hieltyd wer leine de flymskerpe letters ferkeard op de dampige tekken. Hoe faak haw ik it te waarme holkjessen omdraaid? Myn dagen - en no ek myn nachten - soene der tenei oars útsjen, want ‘ik moast oeral om tinke’, om de dingen dy't iksels sei, de maten dy't ik net sûnder te warskôgjen mei nei de pleats ta nimme mocht. Ik soe earen en eagen tekoart komme om alles en elkenien nei te kommen.
Hoe let wie it dy nacht doe't ik de oplossing fûn? Ik soe myn oandacht ferdiele moatte as ik de dingen op de pleats en dêrbûten tagelyk yn 'e gaten hâlde moast. Ik besleat myn eagen en earen eigen funksjes te jaan. Rjochtereach en linkerear soene in goed span foarmje. Se waarden dy nacht troch Jacob Nauta, ferneamd punteteller en akteur, oansteld as binneneach en binnenear. Alles wat der op de pleats plak fûn, soe troch har wachens troffen wurde, fêstlein mei in net nei te kommen akkuratens, wylst alle dingen dy't sein, tocht en field waarden bûten de pleats en it hiem, registrearre wurde soene troch myn bûteneach en -ear.
Ik besleat - en ik ûntken it net, ik wie der letter grutsk op dat ik sûnder it wurd te kennen, foar dizze konstruksje keas - ta in giasme. De keppeling fan sintugen yn in krúsferbân like my betrouber en handich, ik hoegde tenei mar in lytse sirkelbeweging mei de holle te meitsjen om neat te missen fan de dingen dy't om ús hinne barden. Ik rekke yn 'e sliep, de grimelgrammel fan wurden op de tekken loste stadich op.
| |
Twa
Pake koe in keunstje mei syn nije tosken.
‘Jacob, sjoch ris wat pake kin?’
Hy seach heimsinnich om him hinne, foar dit barren moasten alle kusten fan de Atlantyske Oseaan oant de Middellânske See feilich wêze. Net piraten mei pappegaaien op 't skouder, mar
| |
| |
beppes, muoikes en memmen foarmen foar it slagjen fan de trúk in tige grut gefaar.
Froulju wiene - en binne - gauris op patrûlje om manlju te wjerhâlden fan ‘ûnfatsoenlike’ dingen. Sjoerd koe, om mar in yn myn jongeseagen ûnskuldich foarbyld te neamen, sketen litte dy't rûnen fan Harns oant Deinum, wat tige knap wie, want myn skeetsjes hellen de achterdoar net iens, wat ik ek besocht. Ik koe wol aardich lûd, want Sjoerd hie my leard de lucht salang mooglik op te kearen.
‘Moatst earst de kont fol hawwe, heite, en dan gong sette!’
En it wie wier! Dyselde deis noch besocht ik it ûnderweis nei skoalle. Hoe lyts wie de skeet noch by de Stasjonsbrêge? Op syn heechst in pear sintimeter, mear sil it net west hawwe. Op 'e Turfkade wie dy al útwoeksen ta it tsienfâldige en it foel lang net ta it heuchlike feit noch folle langer út te stellen. Dochs slagge it en kom it Bolwurk op, al moast ik wol rinne mei hieltyd lytsere stapkes, oars fûn it gas in útwei en soe dat net skande wêze? Pas by de tredde beam moast ik belies jaan. It resultaat foel net ôf, sels de leechste blêden oan de hege beammen twirren optein mei, allinnich duorre de wille frijwat koart. Wat wist ik ôf fan de beheinde ynhâld, dy't jongestermkes no ienris hawwe? Neat dochs?
As Sjoerd sa'n pronk fan in skeet oer de lannen giselje liet, moast er wol soargje dat der gjin froulju yn 'e buert wiene. Beppes, muoikes en memmen hiene it no ienris net stean op sok manlik machtsfertoan.
‘Sjoerd!’ sei beppe dan.
Mem en muoike seine neat. Dy seagen allinnich mar even op fan harren wurkje. Dat wie genôch om te witten dat sok dwaan net doogde en tenei lieten je it dan wol. Logysk gefolch wie dus dat pake syn trúkjes allinnich mar die as de froulju yn gjin fjilden of wegen te bekennen wiene. Hy skode it gebyt ta de mûle út sûnder dat er de hannen brûkte, wat in djippe yndruk makke, want dingen dwaan mei losse hannen, dat wie wat. Ik koe op dy
| |
| |
manier fytse, mar allinnich rjochtút, net om 'e bocht.
Harm koe dat goed. Hy hong dan wat skean op it sadel, sadat de fyts fansels de bocht troch glied. Oant safier slagge my dat ek wol, mar dan koe ik de boel net mear rjocht lûke, wêrtroch't Jacob Nauta wer ris omkipere, mar dat wie er wend. Dochs wie ik der ôfgryslik grutsk op: hjir fytst Jacob Nauta, sjoch him gean op syn fyts, ûnsichtbere krêften bestjoere syn stjoer en hâlde him yn in stasjonêre baan, sa't de swiertekrêft planeten en moannen yn 'e besnijing hâldt.
It like of sweven dy tosken los fan pake syn mûle troch de keamer. Yn werklikheid hold er se noch krekt beet tusken tonge en lippen, mar dat die er sa dat je it amper seagen.
Hoe grut wiene myn eagen, hoe wiid myn gedachten? Ik koe - en al hielendal doe't ik noch echt lyts wie - mar net begripe hoe't it mooglik wie dat sa'n âlde pake it foar elkoar krige de tosken safier bûten de rubbermûle te hingjen. It iene achterein hold er beet tusken tonge en lippen, it oare achterein mealde wat yn 't rûn oant it in hâld fûn yn ien fan syn noastergatten. Dizze healwize konstruksje makke it mooglik syn noas op en del te bewegen troch de tosken omheech te triuwen. It moaiste moast dan noch komme. As it iene gebyt teplak siet, waard it oare nei bûten ta meneuvele. Dat wie in stik lestiger. It heucht my dat pake in heinende hân ûnder de mûle hold om foar te kommen dat de boel oer de flier spatte. Tosken wiene op 't lêst ‘djoer genôch’ en safolle hie er no ek wer net foar syn grappen oer.
Wie dat foar de bakker, dan folge faze trije. Ek it ûndergebyt socht in wei nei it noch frije noastergat en as dat ferankere siet, wie de trúk slagge, want no koe pake - komt dat zien, komt dat zien! - de noas oan beide kanten optriuwe, wêrtroch't der healwei mûle en eagen in djippe, horizontale tear yn de strakke hûd foel, dy't pake syn gesicht spjalte yn twa ferskillende lânskippen. De ûnderkant hie de struktuer fan in âlde binnenbân. Mei't de tosken útfanhûs wiene, swabberen wangen, lippen en kin as oerdwealske keallen yn elkoar om, sûnder dat bytiden helder wie
| |
| |
wa't wa útmakke. De boppekant fan it gesicht like noch it meast op pake, al wie er sûnder de fertroude mûle net maklik te herkennen, want in minske sjocht der oars út as allinnich de eagen noch sichtber binne.
Krekt as yn de mûle, stiene de tosken sa goed as op elkoar, sadat pake der in bytsje mei bite koe, wat net in raar idee wie, want der sieten altyd wol stikjes wiete koeke of bôle yn de hoekjes tusken de kiezzen.
Sa hie pake twa mûlen. De iene wie net folle mear fan oer as in leech gat, de oare waard foarme troch syn folsleine keunstgebyt, dat my fertikaal oangnyske.
Pake koe in keunstje mei syn nije tosken, in trúkje dat er die as de froulju net yn 'e buert wiene, in trúkje om de tiid troch te kommen, de tsjustere tiid fan wapens en geweld. Pake lake derom, yn it breed, mar ek yn 't lang. Syn twafâldich húnlaitsjen soarge derfoar dat ik even fan 'e wrâld wie, optild waard en fergeat dat de measten har dwaande holden mei hiel oare dingen as keunsten en trúkjes om bern te fermeitsjen. Op syn manier besocht er de oarloch bûten de doar te hâlden, krekt as beppe en de oaren, al wist er miskien al lang foar't ik it yn 'e gaten hie, dat it him op de lange doer net slagje soe. De iisskosse dêr't er op siet, broazele stadichoan ôf, bytsje by bytsje, stikje foar stikje.
Ik hie it witte kind. De fertikaal tusken noas en lippen hingjende tosken laken goed besjoen net echt mei, har laitsjen kaam net út it hert, keunststof hat gjin siel. De wille wie hol, kâld en bitter en as pake de kiezzen by elkoar lâns wreau, koe ik it hearre. It knarsen wie de ûndertoan fan de werklikheid, de hurde werklikheid dy't er justjes útstelde. In útstel om my de tiid te jaan te wennen oan de gedachte dat oare tiden ûnderweis wiene. Mei swiere stappen marsjearden se de reed al op om strak yn de skuorre as in grimmitige stoarm hús te hâlden yn de freedsume bedoelings fan in lytse Fryske boer, syn húshâlding en in bern dat lústere nei Jacob Nauta en dat o sa'n wille hie om in keunstje mei de brike tosken fan syn pake.
| |
| |
| |
Trije
De pineholle krûpte ûnder it klapdoarke fan it bedstee troch. Al in fearnsjier earder wie it bist wekker warden yn de ierappelbulte achterhûs, yn 'e hoeke fan it bitefjild. Stil hie it west, de stilte fan in soele maitiidsnacht, heraut fan in waarme simmer. Blommen kantelen út 'e knoppen fan hynsteblommen wei, de kastanje healwei de reed tearde de blêden iepen, blêden as royale hannen, de fingers wiid, klear om it hoedene ljocht fan de dei ôf te dreagjen.
Underyn de ierappelbult wie de temperatuer yn de rin fan de moannen stadichoan safier oprûn dat it bist wekker waard út 'e wintersliep. Noch dronken fan de lange nacht socht it in trochgong nei bûten ta. It duorre hast in oere foar't it de modder en de reiden dêr't de ierappels mei beklaaid wiene, berikte. De swiete rook fan de maitiidsnacht joech nije enerzjy en mei in pear gisels fan de hoarnige sturt ferliet de pineholle de bulte om troch it dauwiete gers it hok op te sykjen.
Wêrtroch kaam it dat it bist alle simmers op in nacht yn juny besleat it hok te litten foar wat it wie? Nimmen wist it, soe it witte kinne, dat siet net yn it ferhaal dat al generaasjes lang fan de iene op de oare Nauta oer gie. It bist sigesage ûnder de grutte skuordoar troch, it wist fan it rotte hout yn 'e hoeke. It hie hjir al earder west, de krûppaden wiene sa fertroud.
Mar ynienen, wat wie dat? In sacht gejank tipte de stilte justjes oan, lichte tearen yn it wetter. Alarmearre tilde de pine it fine kopke op, swarte stekeachjes besochten troch de fluezen fan it tsjuster hinne te brekken. It fine tonkje rûkte foar it earst hûnelucht, in lucht dy't noait mear west hie as in fiere ûndertoan, dy't oanwaaien kaam út 'e fabryksbuerten achter it apelhôf, mar de lêste tiid sterker waard.
Pas tsien lange minuten letter kaam der wer beweging yn it skobbige liif. Fluchfluch glied it by it âlde hea lâns op it klompehok ta, mar it wist net fan de nije planke dêr't pake al foar de winter de ûnderkant fan de doar mei bespikere. Tusken it hout
| |
| |
en de flier bleau mar in pear milimeter oer, te min foar it roppige bist. Teloarsteld skeuvele it fjouwer, fiif kear hinne en wer, om dan werom te krûpen en wei te wurden ûnder de golle, dêr't it lêste bytsje hea te wachtsjen lei op in foarke.
De oare deis wie de twakoppige hûn hast net te hâlden. Hy stuts beide noazen fûleindich ûnder it hea, skrabe mei fjouwer foarpoaten, mar neat, hielendal neat bespûn er mei al dat gewrot. Sjoerd, dy't krekt fan de foarsouder ôf kaam, stie der in skoftke mei niget nei te sjen, de hannen yn 'e bûse.
‘Wat wolst, jong? Rûkst in kat? Nee? In mûske dan?’
De hûn jankte twakoppich, mei tryste eagen seach er Sjoerd oan.
‘Helpe?’
Mar Sjoerd hie de fraach net ferstien, hy moast melke. De hûn joech it pas nei in healoere op, alles hie fergees west. Hoe koe er witte dat in pinehollebist gefaren safolle mooglik mij de? It hie foar de wissichheid in krûpgatsje groeven djipper ta de golle yn, as wist it dat it hjir feilich wie. In pear slakjes tsjinnen as mieltsje foar ûnderweis, al hie it bist leaver in pear mûzen hân. Pas doe't de lucht om it hea hinne fertroud wie, kaam it wer foar it ljocht.
Twa dagen letter wist it bist de kelder yn te kommen en fia in pear planken dy't tsjin de muorre oan timmere wiene, krûpte it troch in splinterich siichgat hinne nei it krûpyn ûnder it bedstee fan pake en beppe. Nachts tsjin melkerstiid, fûn it de gewoane keamer, mar om't hjir neat te heljen wie, krûpte it werom, ûnder it klapdoarke troch, it bedstee yn. Beppe sliepte fierste djip om te fernimmen dat in fyn tonkje har lichem ôftaaste, heger en heger en heger. Under it nachthimd troch sigesage it bist hoeden nei beppe har holle. Noch ien kear seagen de swarte stekeachjes om har hinne, noch ien kear kronkele it slankje tefreden op it holkjessen om dan stadichoan op te lossen yn beppe har optearde holle. Doe't se wekker waard, wie dat net om't se de sliep út hie. It wie om't har plasse troch de flymjende pine hast út elkoar barste. Kroanjend sjuttele se it bedstee út nei de kelder ta. Op 'e
| |
| |
kroanjuwielen sette se wetter op. Mei hyt wetter soe se foar de safolste kear besykje ôf te kommen fan de pine dy't al sa faak hiele simmers bedoar.
| |
Fjouwer
‘Jacob?’
‘Ja?’
Beppe siet mei de holle foardel Mei ferwûndering seach ik de âlde hannen as twa stikjes perkamintpapier op it griis-swarte hier lizzen. De earmtakken stiene as wiffe pylders op it taffelskleed. Grutte minsken seach ik yn dy jierren net faak fan boppen ôf, dêrom mocht ik sa graach op de golle lizze. Dan koe 'k sa moai sjen hoe't pake ûnder syn keale plaske de skuorreed oerstuts, hoe't Sjoerd de Alde Swarte út it hynstehok helle sûnder dat ik de poaten seach. Sjoerd like dan krekt in sleepboatsje, de Swarte it frachtskip dat de see oplutsen waard.
‘Wol Jacob beppe even fiele, it pineholleslankje is út 'e ierappelbult weikrûpt!’
It ferhaal fan it slankje wie sa âld as de Nauta's en fansels, ik leaude der net mear yn, ik wie hast tolve. Mar om mýn leauwen gie it net, it gie derom dat béppe it leaude. Se koe muoike Gel of mem ek freegje, mar dat die se net. Se frege my, Jacob Nauta, want ik koe it lekkerste fiele fan allegear, dat hie se withoefaak sein. Sterker noch, dat wie har earste doe't wy yn 'e winter fan '42 werom kamen út Ingelum wei.
Se draaide har nei my ta om myn fielfingers de romte te jaan. Der hoegde net folle sein te wurden, it slankje siet by beppe altyd krekt boppe de foarholle, sa'n fiif sintimeter achter de hiergrins. Fan mem har plakjes wie ik net op 'e hichte, want har mocht ik net fiele. Dat fûn se ‘raar’, se fûn dat beppe en fral muoike harsels mar rêde moasten, in bern hearde ‘soks’ net te dwaan. Ik wist presys hoe't ik myn fingers bewege moast, want dat hie 'k op 'e
| |
| |
ferkearde kermis ôfsjoen fan Moaie Maria, dy't foar in dûbeltsje de takomst seach yn in glêzen bol troch it ding op te wriuwen mei in lapke échte side. As it glês skjin wie, lei se tsien lange fingers op de bol, song in frjemd wyske sûnder wurden en struts yn floeiende bewegings de takomst te foarskyn. Wie in holle oars as in glêzen bol? Jacob Nauta tocht fan net. Ritmysk sochten syn fine jongesfingers it slankje op, makken it wekker en lieten it dûnsje op it wyske fan ‘suzenanepoppe.’
Dêr kaam it bistke al oerein. De swarte stekeachjes seagen wat dwyl om har hinne. Heger en heger weage it him út syn skûlplak wei, heech genôch foar my om it by de hoarnige sturt te pakken en dea te slaan op 'e râne fan 'e tafel.
‘Hast him?’ frege beppe suchtsjend.
‘Dea!’ sei ik grutsk, in lêste oerbliuwsel fan myn leauwen yn beppe har ferhaal oer it pineholleslankje.
‘Bist beppe har leave jonge,’ sei se en pakte in koekje út it trompke.
‘En wat fynst derfan dat Job no by ús wennet?’
‘Wol goed,’ sei ik sûnder derby nei te tinken. Wat moast ik oars sizze?
‘Wat fynst dêr dan goed oan?’
Wist ik it? Ik hie fansels sizze moatten dat it goed wie minsken te helpen, dy't troch oaren net holpen wurde koene en dat je foar de neiste soargje moasten om't Jezus dat sein hie, teminsten neffens dûmny Schaap en dy hie der op 't lêst foar leard, krekt as master Akkerman, dy't boppedat yn 't stek siet en ús op skoalle bytiden sa ôfgryslike leaf hie dat wy mei fynknypte earmen thúskamen as wy wat útheefden dat him net noaske. Mar al dy dingen sei ik net. Dy betocht ik pas letter, want ik wie no ienkear in jonge dy't pas troch de goede antwurden opsocht waard as it al te let wie.
Wat fûn ik eins it moaie oan Job? Syn fleizige wangen, dy't ûnder it praten de hûd om syn eagen hinne omheech drukten? De prachtsnor boppe in dûbeld kin? De grappige manier fan pra- | |
| |
ten doe't er frege: ‘Goedemiddag jongeman, mag ik je vader even sjpreken?’
Nee, dat wie it allegear net. Mar wat dan wol? Ik wist it.
‘...Dat wy no in hûn hawwe!’
Stom, dat ik dêr net earder oan tocht. Hie ik op it wrâldferneamde en mei de freegjende foarm betitele skilderij-mei-de-hoe-der-en-trije-skiep-of-binne-it-geiten net hûntsjes draven sjoen en hie dy ûntdekking net útdrukking jûn oan myn stille langst nei it besit fan sa'n aardich húsdierke? Wy hiene noait in hûn hân, want muoike wie der bang foar. Sels foar de lytste kefferkes hie se it grutste respekt. Der hoegde mar sa'n bist op har ôf te kommen, of se begûn al te âljen, wylst se de knibbels tsjin elkoar oan knypte.
‘Wat tinkst dan,’ skattere omke Geart al fier foar de oarloch, ‘dat er dy by de ûnderbroek yn stoot?’
‘Nono,’ sei mem dan, ‘sa kin 't wol, tink?’
Mei har ivige ‘Jacob hat ek earen’ breide beppe it dan ôf.
Ik koe amper befetsje wêrom't se dat sa faak sei, wa wist net fan myn earen?
‘Witst wat beppe der fan krijt?’
‘Wat dan?’
‘Pineholle!’
Ik betocht dat se noch net earder sa mei my praat hie. Ik sei dingen werom en dan krige ik wer in antwurd, dat opdreaun waard troch de folgjende fraach. Ik wie hast tolve en dat wie goed te fernimmen.
‘Wêrom?’
‘Wy hawwe net in goed plakje, sa is it lang net feilich, net foar ús en net foar Job, se kinne him fan de Suderkade ôf wol sjen!’
‘Moat Job der wei dan?’ wie myn fraach.
‘Of muoike Gel,’ tocht beppe en doe - it wie mar in sekonde - feroare har hollekrún yn in glêzen bol. Krekt as Moaie Maria op de ferkearde kermis koe ik it binnenste fan de dingen sjen, yn dit gefal beppe har noeden, swart mei fettige, griene rânen op 'e
| |
| |
úteinen. Ik wie der grutsk op dat ik dit seach: beppe makke har allinnich mar drok, om't it har net sinnige dat Job op west sliepte by muoike Gel. Manlju en froulju, bokken en geiten, twa ferskillende wrâlden dy't elkoar oanlutsen en ôfstjitten, elkoar dwars sieten wêr't dat mar mooglik wie en net bûten elkoar koene, sels al wie dat ûnmooglik.
Fansels hie beppe gelyk, al koe har argumintaasje better. It wie in healwize set Job sliepe te litten yn in útfanhûzerskeammerke oan de foarkant. Der hoegde mar ien ûnferwachts troch de ruten te gnuven en it koe al mis wêze. Harm, Ale en ik giselen withoefaak om de pleats hinne. It wie net út te sluten dat Harm as earste gewaarwurde soe dat der immen by ús útfanhûze en dat dy immen in Joad wie mei de namme fan Job Wassermann, al stie op syn persoansbewiis fan Joop de Witte. Harm koe sokke dingen rûke, fiele, sa't in foks wit dat der yn it hinnehok gjin hinnen sitte, mar in boer, de geduldige buks yn 'e oanslach.
Myn gedachten skeaten út 'e holle wei, troch de gong hinne ta de kelder yn, út de kelder wei rjocht omheech ta de moaie keamer yn, tusken de balken troch fia de sliepkeammerkes oer it klompehok hinne nei de skuorre ta. Achterhûs fleagen se by in grânzerige LeviStrauss lâns it hokyn, kamen even ta rêst om dêrnei troch it hinnegat de heasouder op te sjitten. Oan 'e ein, tsjin de brânmuorre oan, fûnen myn gedachten wat se sochten: in plak foar Job, bedobbe ûnder it nije hea. Foar myn tiid hiene de Nauta's wat mear yn te bringen as lege pongen. Mear as ien arbeider fûn wurk op de pleats en dat ‘flokfolk’ - nei de komst fan Sjoerd breide beppe dit wurd - moast wol plak hawwe. Dêrom wie der net allinnich op 'e foarsouder in sliepkeammerke timmere - dat wie neffens beppe in paleiske - mar ek boppe it bûthús tsjin de brânmuorre oan. Foar grutten wie it miskien mar in hokje, foar ús as bern wie it twadde keammerke in prachtige wrâld.
Dit wie ús libben. Wat der bûtendoar ek barde, wy boarten gewoan troch, sieten op it fermôge bêd plannen foar de takomst te dreamen, praten oer de famkes op skoalle, smookten in stike- | |
| |
me sigaret, diene spultsjes yn it healtsjustere ljocht, mjitten ús pyltsjes mei de tomstôk, klapten mei de doar, dy't yn in earder libben bûtendoar west hie, want de ramten fan getten izer sieten der noch op, loerden troch it stikje glês oan de kant fan de golle, dat by 't simmer tichtset waard mei hea. Doe't it keammerke yn ûnbrûk rekke, giene de Nauta's noch in stapke fierder. Pake hie in pear kij ekstra, der moast mear hea wun wurde en dat moast fansels in plakje hawwe. As nei in moaie simmer de gollen út har foegen barsten, waard de souder tredde golle. It ‘flokhok’ waard wei yn it hea, om yn 'e rin fan 'e winter as in feniks ta nij libben te kommen. Mei spanning dûkten wy, sa gau't de doar iepen koe, nei binnen ta, benijd wat wy oantreffe soene. Fansels wie der neat feroare. It bêd, de stoel mei trije poaten en in kast, al dy dingen hiene geduldich wachte oant wy de ivige stilte ferbrutsen.
Doe't wy âlder wiene, betochten wy wat oars. It keammerke koe ús net berikke, oarsom wol. Dingen waarden soms mooglik troch se gewoan om te draaien. Wy dolden mei man en macht fan de heasouder ôf in gong troch it hea. Om it paad net bjuster te reitsjen, brûkten wy in stik draakjetou, dat wy fêstbûnen oan ien fan de panlatten. Nei in wike bloedich bodzjen berikten ús klauwende hannen it flokhok en besochten wy de doar - wêrom draaide dat rotding net nei binnen ta? - te befrijen fan it hea. Slagge dat, dan tûmelen wy jûchheiend ta ús eigen skimerige wrâldsje yn om der noait wer wei te kommen.
Doe't Job op 13 juny it hiem oprûn, hiene pake-en-dy de twadde golle noch mar heal fol, mar dat duorre net lang mear. It wie in kwestje fan tiid, dan soe it boarterskeammerke weiwurde.
‘Ik wit al in plakje, beppe!’
‘Wêr dan?’
‘Job kin wol yn it flokhok!’
Beppe stoarre nei it flierkleed ûnder de tafel, har eagen folgen de patroanen, seagen Job syn boeltsje pakken, by de ljedder op sjutteljen om te ferdwinen yn it arbeiderskeammerke oan 'e ein fan de heasouder.
| |
| |
‘...Mar pake set der hea oerhinne...’
‘Wy kinne wol in gong meitsje, krekt as oars...’
Ik seach it al hielendal foar my.
‘Kin Job dêr trochhinne, tinkst?’
Dêr stie er, Jacob Nauta, by syn beppe yn de gewoane keamer, nei't er it pinehollebist deaslein hie op 'e râne fan de tafel, pratend of hong syn libben derfan ôf, wat net sa wie, want it gie om dat fan Job, dy't samar oanwaaien kaam op in dei yn juny. Mem hie mei him oerlein oer de situaasje, no die beppe itselde, hoewol't it eins oarsom wie. Hy oerlei mei beppe, dat wie it grutte ferskil. Yn it ferline waard der oer him praat, dêrnei mei him en no prate er wurden yn 'e rjochting fan de grutten. Noch in ferskil: der waard nei him harke. Dit alles joech him in tefreden gefoel, it makke him oerémis, hy begûn te begripen dat er derby hearde.
En hy wie noch net iens echt tolve, hoe soe it dan wêze? Jezus gie op syn tolfde as folwoeksene nei de timpel, hie master dat op skoalle net wiidweidich útlein? It betsjutte dat er oansprutsen waard troch de skriftgelearden, mar se soene ek nei him harkje as er wat te sizzen hie. En dat hie Jezus! Blinder, de earen foelen har sawat fan 'e holle, doe't de timmermansjonge út Nazareth har fragen mei wiisheid beäntwurde, wat gjin keunst wie as Soan fan God mei tagong ta alle antwurden yn Gods bibleteek. Soms winske Jacob Nauta wolris dat er ek even Soan fan God wie, dan soene se nochris wat meimeitsje, fral yn de Prikkebuert, as dy rotbern him achternei sieten. Hy soe...
‘Jacob?’
Of Job dertrochhinne koe? Wêrom net? Der soe wat mear hea weihelle wurde moatte, mar it koe nóch better. Pake wie yn de twadde golle hast healwei.
De richel! Der siet in richeltsje fan in tweintich sintimeter op souderhichte oer de hiele breedte fan de pleats en dat wiisde de wei nei in nije gedachte. De gong fan de heasouder ôf wie eins oan de koarte kant. Wa't wist fan it keammerke soe dêr de gong
| |
| |
sykje, mar as pake en heit noris in gong setten fia it klompehok en de richel... Moast der dochs plak komme foar Job, dan wie dit de baas.
It draaide derop út dat beppe myn plan dyselde deis al by de kofje beprate. Heit betocht dat de heagong wol wat royaler koe troch ruterstokken skean by de brânmuorre op te setten om dan it hea derby op te loegjen. Mar it wichtichste fan alles wiene de warden dy't beppe brûkte om de Nauta's der ûnder it kofjedrinken op te wizen dat der foar Job in goed beskûl te finen wie yn de pleats. Se begûn mei de warden: ‘Jacob hie tocht...’
Trije ûnnoazele wurden, wurden dy't ik noait fergeat, wurden dy't sels as it tsjuster wie noch op it nachtkastke sichtber bleaune, om't se opljochten mei in waarme, reade gloede, in gloede dy't mar net slite woe, wat der fierder ek barde.
| |
Fiif
Op sneontejûn makke mem my ree foar de snein. Om foar it ‘aangezicht des Heeren’ te ferskinen, moast de minske himmele wurde, want sa skynde it yn de bibel te stean, om krekt te wêzen yn Deuteronomium, in boek fol mei hillige foarskriften oer griene sjippe en skjirpapieren waskhantsjes.
It wyklikse ritueel fûn plak yn de gewoane keamer dêr't elkenien by wie. Ik hie der gjin problemen mei, sa hie it altyd west en sa soe it altyd bliuwe. In kruk fan de bedsteedsdoar paste op de smoarge klean oant ek dy offere waarden oan de almachtige griene sjippe. Dat soe heve op moandei, as it heal koe op it stalt by de brede sleat oan de westkant fan de pleats.
Mar earst wie ik oan bar. Muoike, omke Geart, pake, beppe en heit foarmen it publyk, de neakene Jacob Nauta it waskoffer. Warleas stie er te riboskjen, de bleke poatsjes yn it kâlde wetter, want mem prakkesearre der net oer waarm wetter op te setten. It wie al wurk genôch kâld wetter te heljen, wetterlieding wie foar
| |
| |
ús in ûnbekend begiyp. Foar elke drip moasten wy nei de reinwetterbak toffelje njonken it klompehok yn 'e skuorre. Mei de sinken putakker koe in fiif liter tagelyk ophelle wurde. Gjin wûnder dat mem de grutte tobbe net brûkte foar de waskbeurten, it wie sa al moai genôch. Allinnich by 't winter sea se it wetter op 'e kachel, mar dan moast it wol frieze, teminsten sa haw ik it ûnthâlden.
Mem wosk net mei it begryp en gefoel dat in mem foar har eigen hearde te hawwen. Har waskjen bestie út rosse oant de fellebellen derby hongen. Sear die it en net in bytsje ek. Letter seach ik ris in horrorfilm, mei in psychopatyske professor dy't de ribbekasten fan syn slachtoffers, meast âljende jonge froulju mei fûlreade lippen, bespile mei twa houten hammerkes. De regisseur sette it lûd fan in holle ksylofoan derûnder en ik tocht fuort oan mem, dy't blykber ek in betide foarleafde foar it lugubere hie. Myn meager liif krôle yn har wrede hannen, dy't elke baktearje saakkundich de nekke omdraaiden. Skjin soe ik, sûkerskjin! Om de piniging kompleet te meitsjen, ferskynde beppe geregeldwei op it toaniel. Se wiisde de plakken oan dêr't neffens har nochris omtinken oan jûn wurde moast.
‘Dêr, tusken de skouderblêden.’
In kâlde finger pjukte yn 'e midden fan myn rêch.
‘Hast al tusken de teannen west?’
Deselde kâlde hân fiske in blau fuotsje út 'e feilige tobbe wei. Dêr stie ik, in ienpoatige ielreager oan 'e kant fan de sleat.
‘Ferjitst syn pyltsje net?’
Beppe strûpte de foarhûd op, sûnder begrutsjen, sûnder gefoel.
‘Dêr ek!’
Mem koe aardich nidich wurde om beppe har bemuoienissen.
‘Fertrout mem my net?’ flime har nitelige fraach.
‘Wis wol, mar twa sjogge mear as ien, of net soms?’
Ien kear kaam nei beppe muoike Gel út it publyk nei foaren. Har hannen aaiden wat oer 't skouder, krekt of woe se wat útsyk- | |
| |
je, mar wist se net wat te nimmen. Se draaide my om, die in stap tebek en skodholle.
‘Moatst mear ite,’ wie har beskie, ‘bist like meager as wat!’
Dat wie de lêste drip, mem wie as in sage. Se smiet it waskhantsje yn 'e tobbe, sette my derút en tilde it ding ta de gewoane keamer út.
‘Mei!’ biet se myn kant út, mar wat koe ik deroan dwaan?
Heit lei de krante del en kaam hastich achter ús oan. Yn optocht marsjearden wy nei ús eigen net al te grutte keamer op east. Earst mem, doe de neakene, achtjierrige Jacob Nauta en as lêste heit dy't wurden sei as ‘toe no, Jits’ en ‘se bedoele it net ferkeard’, mar syn wurden misten elke útwurking. Kâld wie it, roetkâld, de kachel waard net faak stookt, want ‘dat skeelde wer’, hoe faak waard it net sein? Mem skopte in stoel by de tafel wei en sette de tobbe op it lege plak.
‘Hjir,’ wiisde se nei it wetter en doe't ik deryn stapte, seach ik de lilke triennen yn har eagen. Heit wreau yn 'e hannen en ik hold my de mûle, elk wurd wie ien te folle, in bern wit soks feilleas.
‘Ik waskje de jonge hjir tenei, dat gedonder mei jim mem en Gel altyd!’
‘No no...,’ besocht heit har del te bêdzjen.
‘Nee, niks no no, ik ha myn nocht, Skjin.Myn.Nocht!’
Heit lei in hân op har skouder, mar mem skokte dy fuort. Noait hie ik meimakke dat heit en mem spul hiene. Ik hearde wol faker fan rûzje tusken heiten en memmen, mar dat wiene oare heiten, oare memmen. It wie my net earder opfallen, mar ik betocht dat sokke dingen krekt as fisken yn 'e Tsjommerfeart wiene, fisken dy't flak ûnder it glêzen oerflak in wylde slach makken, sûnder datst sicht krije koest op it hoe en wat.
Letter betocht ik nóch in gedachte. Miskien hie ik net altyd each foar de dingen om my hinne, libbe ik deroan foarby. Sa't myn antwurden op fragen steefêst mei de lêste trein kamen, sa gie it mei alles dat him ôfspile yn myn beheinde libben. Pas as ik
| |
| |
deroan foarby fytste, seach ik om, ferwûndere dat ik sa stom trochfytste wêr't it better wie stil te stean. Iens waarden heit en mem it net. Tenei waard ik op east ôfrost, sels al stiene de blommen op 'e ruten. As mem my himmele, wie dat net mear mei trije pear hannen en ûnder seis pear eagen. Ik kin net sizze dat ik it slim fûn.
| |
Seis
Us pleats wie net de lêste pleats oan de westkant fan de Wilhelminabuert. In ein fierder yn westlike rjochting, op it plak dêr't de Tsjommerfeart mei iepen mûle útstreamde yn de Trekfeart, wie de gernierkerij fan Klaas Brechje te finen. In pleats wie it eins net, mear in sigerich klintsje mei wat hokkeboel, healsliten ark, in âld weintsje en in hynder, dêr't it bêste ôf wie. Syn namme hie in soad, sa net alles te krijen mei it heechhout dat de koartste ferbining foarme mei de stêd. Al lei it miskien wol foar de hân, wy kamen net faak by Klaas oer de flier. Mem, dy't it mar in begrutlik mantsje fûn, stjoerde my dy kanten wolris út mei skieppetsiis of in amerfol beantsjes, mar graach die ik sokke wurkjes net. As it al moast, gie ik it leafste mei Harm of Ale, allinnich wie ek mar allinnich. Dat fûn beppe ek.
‘Moatst dy bern dêr net hinne stjoere, Klaas doocht net!’
‘Krekt om sokken moatte je tinke,’ bibele muoike Gel dan, en it wie wier. Gie de Heare Jezus ek net nei tolgarders en melaatsken om se wat lekkers te bringen of om se better te meitsjen? As de Heare hjoed libbe, gie er grif nei Klaas Brechje, ik wie der hillich fan oertsjûge, al wie it allinnich mar om't er ‘net doogde’, wat dat dan ek mar ynhold. Se seine wol dat Klaas in buks hie, dat er it mei de Dútsers hold, dat er in frommes út Tsjom fermoarde doe't er noch jong wie, dat er net yn tsjerke komme mocht, dat de plysje wol gauris op it hiem omstrúnde, dat, dat, dat... Grutte minsken wiene dêr hiel goed yn. Altyd de mûle fol
| |
| |
fan de gefolgen, mar de krekte oarsaken holden se mei soarch út it sicht, hoe't je der ek nei fregen.
Job siet earne yn 'e hûs, it wie ein juny, midden op 'e dei. LeviStrauss lei te slûgjen op Gibraltar. Tegearre mei Ale sjuttele ik nei Klaas ta, in ammerke mei ierdbeien bongele tusken ús yn.
‘Gau weromkomme, hear!’ rôp mem.
Ja, dêr hoegde se net oer yn te sitten, it kaam ús eins ferhipte min út om de neisten leaf te hawwen op sa'n moaie, frije dei. Wy soene te fiskjen, dat Ale hie angels en in gleske wjirms mei foar it gefal dat.
It ferfelende wie dat je by Klaas altyd yn 'e hûs komme moasten.
‘Kom deryn, kom deryn,’ seine syn kliemske hannen.
Troch de lege doar - wy moasten hieltyd djipper bukke - waarden wy ta de gong yn lutsen, syn hannen wiene oeral en foar't wy it wisten, sieten wy oan tafel, de amer ierdbeien njonken de stoel, wylst de angels by de bûtendoar op ús stiene te wachtsjen.
‘Lekker, lekker hear, fan jim mem?’
Syn tosken laken fan ûnderen op, de brunige rânen joegen presys oan wêr't de iene tosk it stokje trochjoech oan de folgjende. In lêste baantsje hier lei wat ûnwennich dwars oer de holle, wat him noch kealer makke. Hy lege de ierdbeien yn in emalje pantsje en joech de amer oan Ale.
‘Wolle jim ek wat limonade?’ wie de folgjende set.
Underweis hiene wy al ôfpraat dat wy wegerje soene, mar ûntsnappe wie der net by. Ik woe wol nee sizze, mar dat slagge fansels net en Ale wie ek al sa'n sleauwen ien. Wie Harm der mar, dy hie wol mei Klaas ôfweefd.
‘En, hoe is it mei jim?’
‘Goed...’
‘En elkenien noch sûn?’
‘Ja...’
‘Ik seach, jim hawwe hûnen?’
| |
| |
Ik besocht in sa ûnferskillich mooglik ‘ja’ ta de kiel út te draaien. It wurdsje bleau even stykjen op myn lippen en flintere yn de benaude keamer op.
‘Ha jim dy kocht?’
‘Fan famylje út Grins...’
Erchtinkend seach er my oan, myn eagen draaiden in oare kant út. Koe ik der wat oan dwaan dat ik neat sizze mocht? De liichwurden leine wat houterich op it kleed. Wat foel it ôf om net de wierheid te sizzen, elk wurdsje tsjin te hâlden, te hifkjen, fleane te litten, werom te roppen, nochris te hifkjen en dan los te litten.
‘Famylje?’ sûge Klaas troch.
‘In neef... fan pake!’
‘Hat jim pake in neef?’
Der rûn in bytsje flibe yn in strieltsje út syn mûlshoekje wei, it slymspoar fan in slak dy't yn gjin fjilden of wegen te bekennen wie. Ik rekke yn panyk, dit soe ik net lang folhâlde.
‘...Mar wy soene te fiskjen, dat...’
Ale en ik kamen tagelyk oerein en ik fleach sa hastich ta de keamer út, dat ik de ferkearde doar iependie. Achter my hearde ik in frjemd lûd: ‘Hroei!’ of ‘Hrúm!? Klaas syn hannen besochten my op te kearen, mar Ale rûn tusken ús yn, hy wie te let.
Dêr stie ik, midden op in simmerdei, beferzen op it plak dêr't ik stie, each yn each mei De Gek, dy't boppe it gruzige bêd de wacht hold oer in pear reade flaggen. Swastika's sichten lûdleas yn 'e rûnte, in buks hong - sigaret yn 'e mûle - achteleas yn 'e hoeke njonken de stoel mei wat klean en gluoreage my ûnferskillich oan. Ik seach werom. Foar de earste kear stelde Jacob Nauta syn doe noch ûnbekende, mar letter ferneamde bûteneach yn 't wurk, registrearre mei in koarte sirkelbeweging fan de holle de situaasje yn de nearzige sliepkeamer fan Klaas Brechje, lei dy fêst yn syn ûnthâld by de B, sadat er altyd weromfine koe wat er hjir seach. Ik draaide my om, dûkte mei Ale yn in floeiende beweging ûnder Klaas syn earmen troch en stie binnen trije tellen bûten- | |
| |
doar. Yn it sok fan de houterich ljeppende angels draafden wy it heechhout op en doe't wy omseagen, kipe it bleke gesicht fan Klaas om 'e hoeke fan syn klinte, de mûle in swart gat, de o's, a's en i's walmen sûnder bylûden ûnder de goate troch ús kant út.
‘Sea-heachst dat, sea-heachst dat?’ hime Ale.
Ik hie it sjoe-hoe-hoen en stode troch, de fisken yn 'e Trekfeart soene geduld dwaan moatte, krekt as de wjirms yn it potsje, want dy stiene noch by de doar. Ek de amer wie noch by Klaas, Ale hie der sa gau net oan tocht it ding mei te nimmen.
De earste dy't wy tsjin it liif rûnen wie muoike Gel, dy't altyd en oeral op 'e wiuw stie, wachtsjend op Harrie Boven, har seeman dy't ferdronken, mar net fersûpt wie en dy't mar net boppe wetter komme woe, hoe't se ek trochsette.
‘Wy ha... wy ha...,’ begûn Ale in ferslach dat noch wol even duorje koe.
Ik fergriemde gjin tiid, liet Ale foar wat er wie, stode op de earste de bêste ôf dy't ik seach en dat wie pake, dy't krekt de doar fan it-húske-mei-de-balke achter him tichtluts om in stjonkende wei nei de befrijing te feien.
‘Pake, pake!’
Mar pake siet al, hy koe net wachtsje mei syn boadskip, mar koe ik dat wol? Yn 'e doar wie in hertsje útseage. As ik op 'e teannen stie, koe ik de ropmûle der krekt foar krije, teminsten, it skeelde neat. Wylst pake luchten fan frijheid ûnder de doar troch op it easten ôffjurre, balte ik de wurden oer Klaas Brechje oan 'e boppekant nei binnen ta, wat in prachtige sirkulaasje fan wierheden op gong brocht. Nei in pear minuten kaam pake kalm nei bûten ta.
‘Kom mar even mei,’ sei er en lei in hân op myn skouder. Tegearre rûnen wy nei de foarein, muoike Gel en Ale sleaten har oan by de optocht. Pake draaide him om nei Ale ta.
‘Ale moat mar op hûs oan, tink?’
Ik stuts in hân omheech as groet en wy bedarren yn de gewoane keamer.
| |
| |
Jacob Nauta socht nochris yn syn ûnthâld. By de B fûn er de troch syn bûteneach registrearre feiten oer Brechje, Klaas. Hy fertelde fan de ferkearde doar, de sliepkeamer mei in grutte foto fan De Gek, de achteleaze buks en hy ferklearre dat er it allegearre sels sjoen hie en net fan hearren sizzen, want der waard al sa'n soad sein.
‘Dit wurdt wat,’ sei heit, want Klaas kaam wolris op it hiem en wat hie er noch mear sjoen as LeviStrauss, dy't ek mar ris in oare namme hawwe moast, want sa koe it net langer. De gesichten stiene earnstich, in gefoel fan ûnrêst makke wiete plakken yn it flierkleed.
‘Job moat mar boppe sliepe, dan moatsto mar ûnder,’ ornearre beppe tsjin muoike, dy't it der ek noch mei iens wie en dat mocht wol yn 'e krante, want se woe altyd boppe sliepe fanwege it útsicht oer de Trekfeart, om't se miende dat Harrie Boven har ienris mei in skip ophelje soe.
Dyselde jûns wikselen wy de boel om, nei't de situaasje oan Job útlein wie. Hy lei in hân op myn drokbesochte skouder.
‘Ben je erg geschjrokken?’ frege syn snor.
‘Nee, nou...’
‘...En hoe heette die meneer?’
Ik tocht ûnder it antwurd op dy fraach al dat ik better Klaas Hoekstra sizze koe, mar myn sipelmûle sei al wat oars: ‘Klaas Brugje...’
| |
Sân
Pake koe noch in stikje. Myn eagen fûnen it in moai stikje, want se skriemden derby. It gedicht gie oer in sike jonge mei grouwe lippen, krekt as Kees Miich fan de Godsikker en dy hie my dochs in stel, it wie in wûnder dat er prate koe.
De skriuwer libbe yn in tiid sûnder dokters, dat it stie al yn 't foar fêst dat it net goed mei de pasjint ôfrinne soe, al hope ik alle kearen
| |
| |
dat it dochs sa wêze mocht. Om it allegear wat draachlik te meitsjen, wie it merke yn it doarp en dat wie moai fan God, want no hie dy earme Hendrik teminsten noch wat aardichheid oan it libben.
En, daar ginder, aan het venster,
die de tering had, en sedert
Kerstmis niet meer uit en ging.
Nevens hem zat zijne moeder,
biddend aan heur rozenkrans,
nu eens teer haar zoon aanschouwend,
dan weer eens den hemeltrans.
En dan weenend. ...En de jongeling
sprak, terwijl een droeve lach
om zijn grauwe lippen zweefde:
‘O, dit is een schone dag!,
Moeder! ...Zie wat blauwe hemel,
en wat warme zonneschijn!
Dat 's een echte kermis! Ziet toch,
hoe ze ginder vrolijk zijn;
hoe ze weemlen rond de kramen,
Hjir mis ik in stikje, mar de meast dramatyske sin dy't de sike jonge sei, bin ik net fergetten:
moeder, dat ik sterven ga?’
Ik fûn dat sa yn en yn tryst, dat ik sels in nije sin betocht:
Ik wou wel dat ik Jezus was,
dan zorgde ik dat hij genas!
| |
| |
Mar dat barde fansels net, nee, pake gie steech troch, want dy jonge soe dea. No bin ik wer in fragmintsje kwyt, mar it draaide út op God, want pake sei dan op it lêst:
Denk, dat God het zoo gewild heeft,
dat zijn heilge wil geschied!
It gedicht gie noch folle fierder, mar dêr kin ik my amper wat fan te binnen bringe. Wol wit ik dat dy sike jonge in famke hie. Dat gie sa sawat:
‘En... ik heb niet eens nog, moeder,
U dit durven zeggen, ...maar,
kent ge Roosje niet, de jongste
dochter van den molenaar?
Ja?... Welnu met haar slechts had ik
altijd aan den dans gestaan.
Doch, als de avond neerviel, zei ze:
“Hendrik, 'k moet naar huis toegaan.”
...Dan, ten leste, toen we ginder,
aan den Lieve Vrouwkapel,
in het bosch gekomen waren,
sprak ze: “Hendrik, nu, vaarwel!”
Maar ik hield steeds heure hand vast,
en ik zag haar smekend aan.
En zij bloosde; ...ons beider harten
hadden plots elkaar verstaan:
Wij beminden! ...En nu moeder,
als ik zal gestorven zijn,
zult gij Roosje dan vertroosten,
zult gij dan haar moeder zijn?’
| |
| |
Ik fûn it allegear o sa begrutlik foar Hendrik, siik en dan ek noch dy Roosje, dy't ik mar al te goed koe. Se mocht dan wol fan Hendrik hâlde, mar neffens my wie dat sabeare. Eins hold se fan Nathan Pen, de iennichste Joad dy't ik foar de oarloch koe. Nathan mei syn swarte jas en syn hege hoed - krekt as alle oare Joaden berne sûnder noas - dy't foar in dûbeltsje acht nútmuskaten of trije komkommers yn 'e negoasje hie en troud wie mei in Roosje, deselde Roosje dy't sa moai sei dat se fan de sike Hendrik hold, mar dy earme jonge wie amper dea, of se sette ôf mei de earste de bêste keapman, dy't se oan 'e doar krige.
It wie om te gûlen allegearre, sa slim, mar ik waard âlder. Pake spile it stikje oer de sike Hendrik op 'e skuorreed. Job siet neist my op it bûthúsbankje dat by 't simmer yn 'e skuorre stie foar de ûngetiders. Wie ik net alve, hast tolve? Myn eagen begûnen it wat healwiis te finen noch triennen te fergriemen oan in stikje fan pake. Foar Job lei dat oars, it wetter rûn yn sleatten en rivieren by syn tsjokke wangen del, der wie net tsjin te feien. Syn mouwe wie der wiet fan, sa moast er laitsje. Sjoerd stie der wat by te gnizen en ik glimke mei, al fûn ik dat de wille fan Job dochs wol wat te fier gie.
Mem stie yn 'e doar fan it klompehok. Letter hearde ik har tsjin heit sizzen dat pake syn stikje wer ris spile. Dat wie foar it earst nei de dea fan omke Geart. Pas doe't mem dat sa sei, foel it my ek op. Nei't wy út Ingelum werom kamen, die pake syn stikjes net mear. Ik hie der net by stilstien dat soks kaam fan omke Geart. Ik sil wol tocht hawwe dat it fan de oarloch kaam, mar eins wit ik it net mear presys. Miskien hie ik der gewoan gjin acht op slein, sa't ik wol faker dingen oer de kop seach. Doe't mem it ferbân lei tusken de stikjes fan pake en de dea fan omke Geart, skamme ik my dat ik dy sa foar de hân lizzende gedachte sels net betinke koe. It duorre dagen foar't myn skuldgefoel wer in bytsje fuortsakke.
| |
| |
| |
De ljedder
Hast op 'e helte. Frjemd, no't er tichter by de grûn komt, soene rêst en frede de oerhân krije moatte. Mei skrik fernimt er dat it oars is. De ûnrêst boazet oan, hy kin der neat oan dwaan. It hert slacht fûler en fûler, pompt it bloed troch syn warleas liehem. Hy begjint te twifeljen. Miskien hie it better west om thús te bliuwen, feilich yn Itaalje, achter de hege Alpen, ûnberikber foar alle gedachten dy't him hjir te pakken nimme.
Doe't er âlder waard, begûn er mei himsels. Underweis nei de sechstich, tiid om de balâns op te meitsjen. Wat hat er fan syn eintsje libben makke? Doe't er wat dingen op in rychje sette, fernuvere er him oer it stereotype karakter fan de list ûnder syn namme: learaar, fêstrûn, ferfelende bern, relaasje op nul, Citroënfanaat en boekelêzer. Der stie net folle by wêr't er grutsk op wie. Hy moast tefreden wêze mei it hûs en de bus. Beide foarmen it ûnderdak foar syn literatuer. Mei de Citroën fierde er it guod oan, yn it hûs wiene de frije sliepkeamers ynrjochte as bibleteek. Oant it plafond ta stiene boeken, se foarmen de muorren dy't it dak mei gemak omheech holden.
Syn jeugdjierren begûnen op te spyljen. Net dat er foar syn fyftichste noait werom tocht oan de pleats, mar no waard it slimmer en slimmer. Nachts koe de sliep him mar min te pakken krije. Mei wiidiepen eagen stoarre er troch it grize plafond hinne nei it ferline fan syn jierren.
Hy seach syn beppe, kantich, beret, se die de wask op it stalt en doe't se him seach, lake se.
‘Hoe is it oars?’ rôp se syn kant út.
‘Och...’
Wat moast er sizze? Hy koe wol sizze dat it ‘goed’ gie, mar sok praat leaut se dochs net, hat se him net altyd yn 'e smizen hân? Lige woe er net, al wist er hiel goed dat har ferskinen mar ferbyl- | |
| |
ding wie. De hûn stie op 'e wâl, stuiten giselen en beruorren de tiid. Dêr sjuttele muoike Gel oer it netflues. It fernuvere him dat se noch altyd ûnderweis wie nei de Trekfeart. Har holtsje rôle as fanâlds oer it stek yn westlike rjochting. By ien fan de pealtsjes bleau se stean. Se begûn te wachtsjen, te wachtsjen op de leafde fan har libben, dy't kaam en like fluch wei waard achter de kym. It iennichste dat se al dy jierren seach wie de reekplûm fan de Melba, it skip dat bestjoerd waard troch Harrie Boven, ferneamd seeman yn de histoarje fan de Nauta's. Yn de finne stie pake te stikellûken. Ut en troch kaam de holle omheech en seach er nei syn dochter. Hy skodholle.
‘Snapst dat no, Jacob?’
‘Wat pake?’
‘Dat se mar net ophâlde wol mei dat ivige wachtsjen, snapst dat no?’
Pake is noch âlder wurden, de wurden streamden traach út yn de delta fan it greidlân. Jacob joech gjin antwurd, pake soe it dochs net begripe. Hy betocht dat er eins noait echt praat hat mei pake. Meastentiids bleau it by in grapke, in bytsje gekkichheid. It wie pake syn manier om te sizzen dat er fan him hold. Frjemd, dat er dat no pas begriep, fierste let, sa as gewoanlik.
Hy seach nei de pleats. Mem stie yn de syddoar, mem dy't him stjoerde, mei fêste hân, se wist dat er har nedich hie. As gjin oar sette se de gedachten yn syn betize holle op it plakje dêr't se hearden. Net dat se altyd de wierheid sei. Om him te beskermjen besocht se syn oandacht te rjochtsjen op minder belangrike dingen. Is dat ien fan de redenen wêrom't er steefêst sa erchtinkend wie? Hoe faak hat er net fernommen dat achter de iene wierheid in oare siet, yn 'e hûken, de holle foardel. Socht er fierder, dan bliek der noch in tredde wierheid te wêzen, grutter as de oare en dochs ûnopfallend, in domp tusken de reiden. Heit stie op Gibraltar de liguster te snoeien. De bledsjes ljochten op yn de simulaasje oan de achterkant fan it plafond. Even bestjurre de snoeiskjirre, heit hat him sjoen.
| |
| |
It taferiel loste op. De sinne skaaide út nei surrealistysk read, sette de wolken yn in faai ljocht. De dampen heech yn de atmosfear kantelen yn trage bewegings nei nije foarmen. Hy seach eagen, in noas, se sochten plak yn it brede gesicht. Even, hiel even seach er Job, freonlik en driigjend, doe dôve it fjoer. De gipsplaten boppe it bêd giene richt, de naden gloeiden nei en Jacob syn wurge eagen frearen ticht.
De tredde stien is swier, liket mei elke stap swierder te wurden. It ding wol nei de grûn ta, dêr komt er op 't lêst ek wei. Even flitst it byld fan in fulkaan him troch de holle, in hege fulkaan mei reekplûmen en gleone lavastreamen op de helling. Even mar, de stien freget alle oandacht, as in lyts bern, dat der net oer kin as in oar yn de belangstelling stiet.
‘Moat dat no sa?’
Ella har toan is spotsk, mar de ûndertoan is earnstich. Strak leit de âldman neist syn stiennen en wat sjit se dêrmei op. Wiene de oaren hjir no mar, dan koene dy him oertsjûgje. Oan de oare kant freget se har ôf oft it sa dochs net better is. Hy wol wat ôfslute en djip yn har hert sprekt dy gedachte oan. Soks moasten mear minsken dwaan, hie se sels dy moed mar. De measten wachtsje te lang, fierste lang en se beslút dat sy dy fout net meitsje moat. Nee, lit Nauta syn dingen dwaan. Se moat ophâlde him te narjen, strak lústert er ek noch nei har dom praat en hâldt er op.
‘Nnnnnjjjaa,’ stint er yn it foarbygean.
Se skodhollet.
‘Sels witte...’
In pear tellen letter heart se hoe't it basaltblok delploft yn it gers. Tusken de sarken troch sjocht se him stean. Reade holle, rûngear, mei de hannen lynjend op de knibbels. Unwillekeurich moat se laitsje as it pûsten en it blazen út 'e hoeke weidriuwt. Dêr komt er al wer oanskarreljen.
‘Leit er?’ ferbyt se harsels.
Syn reade holle knikt, in tûfke hier waait mei.
| |
| |
‘Fynt jo frou dit allegear wol goed?’
Al by it stellen fan de fraach ferwinsket se harsels. Se wol mear fan dizze man witte, fan syn motiven. Hoe kin se dan freegje nei syn frou, wa wit watfoar...
‘Dy ha 'k noait hân...’
‘Sorry, ...stomme fraach...’
Syn rjochterhân wjukkelet guodlik in slachje yn it rûn, om syn mûle brekt in glimke troch.
Hoe simpel is it sokke dingen yn in pear wurden te fangen, hoe kâld heart it ek. Yn werklikheid hat er op syn manier syn bêst dien wat te betsjutten foar in frou, ien kear hat it tinken west. Mar it is allegear op neat útdraaid en achternei hat er der ek gjin muoite mei. Ella sjocht hoe't syn gedachten him meinimme, se giet wer oan it wurk.
‘It wie echt myn bedoeling net...’
Op syn seisenfyftichste begûn er foar it earst mei it ferhaal. Hy koe net oars, it ferline liet him net los, benaude him. As er no ris opskreau wat er yn syn jeugd meimakke, soe er dy jierren miskien ôfslute kinne, sa tocht er. De bylden dy't syn ûnthâld him oan ien tried wei foarspegele, groeiden sa stadichoan út ta in obsesje. De petearen mei syn deade famylje jûns op bêd namen satanyske foarmen oan. Under de sarken wei klonken sûnder ophâlden de stimmen fan pake, beppe, mem en al de oaren. Se flaaiden, ferflokten, lokken en stjitten ôf, wiene it iens of hiene spul. Hy frege wat se no eins fan him woene, mar krekt dan hearde er neat. De stimmen wachten as protters, dy't by ûnrie har tsjotterjen ûnderbrutsen om de tried fleurich op te pakken doe't de kust feilich wie. Dan fielde er him bûtensletten, by him in gefoel mei âlde papieren.
Op in dei socht er in plakje yn ien fan de sliepkeamers. Under it rút wachte it âlde buro dat lang lyn yn 'e hoeke fan de gewoane keamer stie. It skonkegat is aardich lytser wurden, it Geheime Plak ferdwûn, it meubel stie stiif tsjin de muorre oan. Hy siet mei
| |
| |
de earmtakken op it blêd, de holle hong yn de blom fan syn hannen. Ien foar ien luts er de wurden út it ûnthâld wei, sette se op papier, skraste se troch en begûn op 'e nij. Hy skodholle.
‘Tsja, hoe nu, klaine jungen...’
Job stie neist him en hy fielde even in hân op 't skouder. Doe wie er wer allinnich. Letter hearde er de achterdoar en seach er him op it paadsje. De tún loste op, it byld feroare.
Sjoch! De rûchskerne mei de steile planke, de kolk, op de foargrûn it-húske-mei-de-balke, it hinnehok op 'e hoeke en Job dy't achter it hok lâns rûn by it boulân del, oer it spoar nei it joadeplak om dêr syn kaddisj te sizzen. Noch ienkear seach er achterom, hy wist dat de jonge him folgje soe. Jacob siet foar it rút en ja, dêr rûn er sels, in skrale jonge mei te grutte earen, te lange skonken. In bern mei Manieren Fan Dwaan, skerpe eagen foar binnen en bûten en mei gedachten dêr't de grutten gjin weet fan hiene. Hy bleau stean oan de sydkant fan it hinnehok, lei in wachtsjende hân op it skadige tarrekleed. Doe rûn er om de kolk hinne, teante nei de sydkant fan it hok ta. Rûngear boksele er by de sleat lâns nei it spoar. Hy draafde nei de Emmastrjitte ta, nei de krusing fan trambaan en spoar, klaude by de hege wâl op en slûpte nei de popels by it begraafplak.
Job stie op it hôf en bûgde yn it ritme fan de Joad. Hy seach oer 't skouder en wonk. Kom mar, kom mar, hjir fynst antwurden op dyn fragen, skriuw mar op watst sjochst! Job stie op it lege plak yn de súdwesthoeke en wiisde nei de grûn.
‘Hier is het, Jacob jungen, hier moet je wezen...’
De roppende mûle beweegde noch even troch, mar Jacob ferstie de wurden net mear. Unwillekeurich skeat er nei foaren ta om ek dy lêste letters te heinen, mar nee, se losten op, it byld waard skimerich, wei yn deselde reade gloede dêr't alle skynfertoaningen yn ferdwûnen. It lêste dat er seach wiene de silhûetten fan de sarken en Job dy't bestjurre, in fossyl yn de tiid, niiskrekt noch rinnend en pratend, no stil en kâld as granyt.
Jacob wreau syn gesicht yn de iepen hannen, hoe moast er dat
| |
| |
allegear opskriuwe? Ynienen wist er it. Nochris seach er werom yn syn ûnthâld en besocht it byld fan Job op it joadeplak werom te heljen. Yn 'e lege hoeke moast er lizze, teminsten neffens pake. Miskien waard it tiid Job syn rjocht op bestean werom te jaan. Hoefolle minsken lizze net begroeven yn de ierde, nammeleas, sûnder ek mar it lytste oantinken? De iennichste dy't Job syn plak ûnder de libbenen weromjaan koe, wie dat net Jacob Nauta, learaar Dútsk te Bussum, in generaasje ferlyn noch in jonge fan fleis en bloed, omtoarkjend yn de yllúzjes dy't syn ûnthâld sûnder ophâlden opdjippe? It hert pompte mei faasje, knypte nije soerstof nei syn wurge kop ta, nije gedachten wâlen as welwetter omheech, fingers spanden om de pinne en hy begûn te skriuwen.
Hy stelde him foar hoe't er nei it joadeplak ta ried, allinnich, wa koe him hjirby helpe? Op de karre leine sân stiennen. Hy soe se yn de lege hoeke dellizze, ien foar ien foar ien. Sa soe er Job betinke, by elk blok in gedachte. Fuort wie de twifel, hy wist wat er moast, in hearlik gefoel, dat er salang misse moast. Hy bûgde de rêch en begûn, earst triljend, doe hieltyd wisser, te skriuwen:
Sjoch Job, hoeh ik stiennen tôge. Basalt, swart, rûch en net te tillen. Alle stiennen hawwe in eigen gesicht, eigen groeden, foarme troch waar, wyn, siedende lava en skossen iis. De wyn hat skjirre, beslipe en op it lêst kaam der in stienhouwer oan te pas om se los te slaan fan har woartels. Ik set se op it joadeplak, yn 'e hoeke, op it plak dat pake oanjoech doe't ik him dernei frege.
Hoe lang is it ferlyn dat ik hjir omstapte, meastal allinnich. Ek doe al toarke ik it leafst om yn in eigenmakke wrâld, ik skikte de dekorstikken teplak, struts de ploaien rjocht, sljochte it grint op de âld reed en prate krekt as beppe mei de hinnen. Mei Harm kaam ik hjir wol, op dit plak ‘foar de deade minsken’ en dat wie te sjen, it heucht my oars net as in hôf mei skeansakke stiennen, de rântsjes ôfplakt mei giel mos, de deaden dy't stil wachten oant wy wer fuortgiene - wy hearden hjir ommers net, wy wiene grifformeard - dit plak wie foar de Joad.
| |
| |
Rûngear strúnden wy fan de iene stien nei de oare. De muorre dy't de deaden by elkoar hold wie net al te heech, al hat er him dan opmakke mei in heal ôfgliden prûk fan kamperfoelje.
It hiele hôf falt my eins wat ôf. Yn myn ûnthâld hat it my altyd grutter talike, je koene dochs einen drave om fan de iene nei de oare ein te kommen en dat moast ek wol, fral as Busse deroan kaam, want dy paste op it spul en as wy der net om tochten, stie er samar foar dyn noas. Mar no sille hjir net in soad mear komme, it paad is like min as wat. Ik hie it gefoel dat ik mei auto en al sa by de wâl delrûgelje koe, yn ien fan de tichtwoeksen sleatsjes, tusken de hege reidplommen, wylgeroaskes en brannettels.
Ik lis myn gedachten yn it ljocht fan de mismoedige sinne by de earste stien. Wa wit fan de stappen dy't hjir noch fan dy lizze? Ik wit noch fan ‘goedemiddag jongeman, mag ik je vader even sjpreken?’ De man yn my - ik wie noch mar alve - kaam grutsk oerein. Oansprutsen as ‘jongeman’ en dan ek noch yn it Nederlânsk, dat joech ûnderskie. Foar my stiesto, Job Wassermann, tegearre mei LeviStrauss, doe noch ûnbekend, letter in begryp yn de wide omkriten fan greide en boulân. Beppe fûn it mar in ‘ding fan niks’, sa'n Dútske Joad op 'e pleats. En dan ek noch Wassermann: ‘Hoe moat dat mei de pinne?’ Standerttaal fan beppe: ‘Hoe moat dat mei...?’ En altyd dy stim as in kanon, mar wie it net oarloch? ‘Jacob, hoe moat dat mei de foarke?’ as ik wer ris mei de leppel yn 'e jirpels ombarge. ‘Hoe moat dat mei de fyts’, as ik by de âld reed delkletst wie, links de sleat, rjochts it bitefjild. Se tilde har skonken om bar op om it traapjen foar te dwaan, in dûnsjend byld, de bannen oan in optocht stjoerke. Pake syn poatsje die mei, om'e hoeke fan de bûthúsdoar.
‘Hawwe se dêr yn Moffrika ennen en essen oer?’ frege beppe doest dyn namme yn bjusterbaarlik rûne letterkes op in kefertsje del sirkelest. Pake gnúfde mei oer 't skouder fan beppe en bewûndere ‘de ennen en de essen’.
‘Ek jees ha se dêr genôch - genoeg jees hng hng’ as oer setting foar dy ‘Dútske joademan’, en hy tikke himsels op 't boarst. Dyn eagen glimken mei - hng hng - en ik ek. In grapke, dúdlik in grapke, mar dan
| |
| |
wol fan de grutten en snapte ik dat? De domheid fan alve jier hong as in kâlde tekken om my hinne. Wurden, letters ûntgiene my net mear, ik wie te grut. De betsjutting wol, ik wie te lyts.
Mear as in oere fergeat er de tiid, it plak om him hinne. Hy swalke troch it lânskip fan syn jeugd en sette it oer nei it ferhaal dat er skreau. Syn ferheistere hân hie muoite de pinne los te litten, de stive fingers wiene kâld, suver beferzen. It gefoel luts werom nei de earmtakke, dy't him mei hoarten en stjitten strekke liet. It wie de oerwinning op himsels, op de sliepkeamer oan it âlde buro, dy't him dwyl makke. Hy hie de dingen nei al dy triedderige jierren ûnder kontrôle en wist hoe't er fierder moast. Op dizze manier soe er noch seis basaltblokken op it joadeplak skriuwe en hy besleat dat er sa alle dagen ien stien fertôgje woe.
Om elk blok soe er warden lizze, offer oan it ferline. Yn reek soene syn gedachten opstige, fêstlein wurde, al wie der op de stiennen gjin letter te finen. It wiene de basaltblokken sels dy't syn ferhaal foarmen, in ferhaal dat net fergetten wurde mocht, útsein troch himsels. Nei in wike soe er de put derút hawwe, de bylden achter it plafond waarden wei, de stimmen yn syn holle belunen, in stoarm dy't útraasd wie, foar ivich en altyd.
De ûnrêst dy't him yn it boarst hinget, wol net fuortsakje. In ljedder lûkt oaren boppe harsels út, mar mei him docht it deade hout oare dingen. Mei izeren fûst wurdt er nei ûnderen ta treaun, nochris sjocht er omheech. Hy moat trochsette, moed of net, hjir hat er ommers in libben lang foar libbe, altyd wie dizze dei it doel fan syn bestean, de dei dat er syn jeugd ûnder eagen komt.
| |
Acht
Dat Harrie Boven net fersûpte, mar ferdronk yn 'e Golf fan Biskaje op kaart twaentweintich hie grutte gefolgen foar de samling
| |
| |
postsegels, dy't ik oanlei as oantinken oan de reizen fan de earste stjoerman, dy't dêrnjonken mei feardige hân en behindige stjoermanskeunst it libben fan muoike Gel ynearsten út frjemde havens, doe út syn wenplak Harns en letter sels fjouwer dagen streekrjocht út de himel wei bestjoerde. Fan mem hie 'k op 'e jierdei in leech skoalleskrift krigen.
Op it etiket skreau ik yn ûnwennige letters:
Postzegels
J. Nauta
Alle kearen as muoike in brief of in kaart krige, klapte it skrift iepen om de safolste gast foar ivich en altyd in dak boppe de holle te bieden. J. Nauta soarge derfoar dat se in kreas plakje krigen op de bledside dêr't de namme fan it lân boppe stie. Sa wiene der siden foar Nederland, España Correos, Italia, Postes, Portugal Correio, België, Gibraltar, Malta en fansels it bjusterbaarlike ΕΛΛΑΣ. Om elk gefaar út te sluten, knipte er de karteltsjes derôf, om de postsegels dêrnei mei in fikse bel stisel fêst te setten, wat achterôf net al te tûk wie. Al rillegau waard dúdlik dat ek postsegels famylje fan elkoar wiene. De boel koe dus net willekeurich troch elkoar plakt wurde. Der siet net folle oars op as de al yn it skrift opnommen segels los te heljen mei it puntsje fan it ierappelskylmeske, om se dêrnei sa goed en kwea as it gie, ûnder elkoar fêst te setten. J. Nauta wist ommers net oft der mear eksimplaren fan deselde searje bestiene, dat moast er mar ôfwachtsje.
Om't de earste segels dy't ik krige út España Correos kamen, waard dat de earste bledside. Eins wiene it twa postsegels, in brune mei in hynder en in gielreade mei in soldaat dy't in flagge fêsthold. Letter ferskynde generaal Franco yn pears, brún en swart, mar dy eksimplaren hie ik net mear fan Harrie Boven. Fan it lân ‘Postes’ hie ik noch noait heard, mar it stie derop, dus it segeltsje kaam derwei, dat koe net misse. Nei ferrin fan tiid
| |
| |
ferdútste muoike dat sokke postsegels út Frankryk kamen. Ik skraste ‘Postes’ troch en sette der ‘Frankrijk’ boppe. Ik wit noch fan in prachtich blau eksimplaar mei de katedraal fan Reims, al wist ik doe noch net wat in ‘katedraal’ wie. Wie it net gewoan de aldergrutste tsjerke fan de hiele wrâld? Fan Gibraltar, earst net mear as de namme fan in ûnnoazel stikje hage oan de súdwestkant fan de pleats, letter de namme fan in echt lân op kaart achtentweintich fan beppe har plakkeboek, hie ik wol trije segels, allegear mei gebouwen en kening George yn it hoekje.
Fan Italia hie ik Keizer Augustus, dy't it Joazef en Maria sa dreech makke, dat er no noch op 'e postsegels stean mocht, al fertsjinne er dat hielendal net.
De grutste puzel wie lykwols it lân dat lústere nei ΕΛΛΑΣ. Muoike woe neat sizze, wy moasten it sels mar betinke. Heit wist it net, pake stinde, omke Geart syn harsens kreaken, mem en beppe hiene der gjin ferstân fan, gjinien koe in lân yn Súd-Europa betinke dat begûn mei in E. De gefolgen fan muoikes wegering my te fertellen wat dat ΕΛΛΑΣ no eins betsjutte, soene grutter wêze as de heechste berch, mar koe ik dat doe al witte? Underwilens wiene de postsegels fan dat heimsinnige lân prachtich, mar like apart. Der stiene hynders op. Gjin gewoane, mar hynders mei wjukken en se koene noch fleane ek! No hie ik al earder in gedachte hân oer de Alde Swarte, dy't mei tommeljende poaten rjochting Tsjom fuort sweve, om't it rútsje fan it hynstehok stikken wie en pake sei dat it hynder noch wolris fuortsige koe. Ik wist dat dy gedachte net folle mear as lucht wie en no seach ik dat der yn it lân ΕΛΛΑΣ hynders bestiene dy't écht fleane koene. Harm wie krekt as ik djip ûnder de yndruk, mar hy woe it pas leauwe doe't er dy bisten mei eigen eagen seach.
‘Alle zegen komt van Boven,’ glimke pake, as ik fergulde yn de gewoane keamer siet mei it skrift iepen op tafel. Wat wie ik sunich mei al dy printsjes út ûnbekende lannen. By elke postsegel waard der in nije wrâld iepenlein, en noch ien, noch ien, noch
| |
| |
ien. Ik seach Harrie Boven op it dûnsjende skip yn frjemde havens, oan in taffeltsje yn 'e stjoerhutte, skriuwend oan alwer in brief. Ik seach him yn skimerige steechjes oan postsegels slikjen, brieven op bussen dwaan, ik seach postrinders troch hiel Europa swalkjen, allegearre ûnderweis nei ‘mej. G. Nauta’, dy't mei har triennen de postsegels ôfweakke om se del te lizzen op de sammelstoel fan J. Nauta, dy't alle dagen foar't er sitten gie, even kontrolearre oft der ek nije oanwinsten klear leine, swart bestimpele yn fiere bûtenlannen.
| |
Njoggen
It wie beppe min nei 't sin dat Job op west sliepte. Soks ‘hearde net sa’, it wie ‘better fan net’, it ‘koe wol oars’, it moast ‘net te lang duorje’ en op it lêst wie it gewoan ‘ûnfoech’, in foar my nij wurd, mar ik begriep hiel bêst wêr't it om gie. Beppe wie spoekbenaud dat der wat ‘foarfalle’ soe. Job mocht dan wol troch De Gek erkend wêze as Joad, hy wie op it lêst ek in man en dan ‘koe it samar’, dat wisten wy dochs allegear wol?
Elke dei op west wie yn har eagen ien tefolle, op it lêst seurde se der tsjin elkenien oer. Se fergeat sels har tradisjonele ‘Jacob hat ek earen’, want op in dei smiet se alle remmen los. Blykber krige se by gjinien foet oan wâl, ik wie de iennichste dy't oerbleau.
‘Wat fynsto der no fan?’
‘Wêrfan?’
‘No, dat Job op west sliept, dat is dochs wat!’
‘It flokhok is noch net kl...’
‘Ja, dat sankje ken ik no wol, jim moatte wat opsjitte...’
Mar it skeat net op. Wat mear as beppe sanike, wat minder it waar meiwurke. It woe dy wike mar gjin heawaar wurde, of wie it noch sa. It reinde, it waaide, de wyn woe mar net út 'e westhoeke wei komme, it wie te kâld, pake koe gjin meanders krije, de
| |
| |
heawein wie stikken, hieltyd wie der wat. Under iten begûn se der faker en faker oer, sels as Job derby siet, want se miende dat dy it dochs net ferstie. Syn eagen draaiden fan de iene fraach nei it oare antwurd en werom. Ik tink dat er hiel goed snapte wêr't de pine siet, mar hy kôge ûnfersteurber troch. De wurden waaiden wat om syn rûne wangen, boarten mei de snor en siigden fuort. Muoike Gel hie op it lêst har nocht.
‘... En no moat mem ophâlde...’
‘No, ik bed...’
‘Nee, OPHALDE, wat mient mem wol...’
‘No, hie...’
‘...Dat ik in hoer bin of sa?’
In ferskuorrende stilte yn 'e foarm fan in kollektive sucht wiele om 'e tafel hinne. Midden yn dy sucht siet ik, sintraal, mei alle binneneagen en -earen wiid iepen. Dit wie wer sa'n gefal, in wurd dat wolris sein waard, mar altyd troch oaren, net al te lûd, net al te lûd! Oaren mochten it net hearre, fral grutte minsken net. En no sei muoike Gel it, gewoan oan tafel, wylst se rûzje hie mei beppe, deselde beppe dy't sawat alles en elkenien treast wie, koe Sjoerd der net fan meiprate? It slot fan de sin waard heal pratend, heal gûlend sein, in bytsje tusken lilkens en fertriet yn, mar sa prate muoike hast altyd. It wie krekt of glysteren de wurden oer de beferzen tegels foar de tsjerke.
Job kaam oerein, kalm skode er de stoel ûnder de tafel en rûn ta de keamer út. Op de pantsjes leine de stikken bôle as fisken nei lucht te happen.
| |
Tsien
Doe't ik yn de feilige hannen fan omke Geart de stille wrâld tusken de balken fan syn keamer besylde, heech boppe de kast mei de fiif laden en de útklapklep, de lytse tafel, de noch lytsere stuollen op it reade kleed, de skearspegel en it kastke mei it
| |
| |
stjonkfleske, hie ik net betinke kind dat ik noch mar in pear jier letter itselde guod op de foarsouder weromfine soe. Foar myn gefoel stiene de dingen dêr net teplak. It ferbân, de kontekst mei omke en syn tiid fan libjen wie ferlern gien mei syn dea en ús kommen út Ingelum wei. Ik rûkte oan de suchtsjende tafel, myn strykhannen folgen de kontoeren fan de kast, ik luts it laad iepen, it laad dêr't omke syn spierballen yn bewarre, mar it wie leech. Al hie 'k neat oars ferwachte, dochs foel it my ôf en in licht gefoel fan teloarstelling struts as in sigende wyn oer myn lûkende hannen. Wêr wiene al dy rommeltsjes fan omke keard? Syn piip, de fjoeroanstekker, it jiskebakje mei de liuwekopkes, de skearkwast, wa hie dat allegear yn gebrûk? Myn eagen swalken fergees de souder oer, keatsten fan de iene balke nei de oare, it ferstân skodholle, alles wie fuort. Yn it ûnderste laad sieten wat blompotten fan beppe, net fan omke. Sykjende fingers heakken achter in kaaisgat, lutsen in heger laad iepen.
Wer neat, nee, dochs wat, in boek! In tsjok boek, swart as de bibel, mar de titel rugele yn losse letters fan de bân, allinnich de gouden letters fan de skriuwer stiken yn myn ûnthâld: Dr. H. Colijn. Swier weage it mânske ding yn myn hannen. Ik blêde de bledsiden, wat woe ik fine? Fan alles! Mar ik fûn neat, sels de boekelizzer wie útnaaid. Dochs kloppe myn hert hurder, doe't ik it yn 'e hannen hold. Ik betocht dat omke ditselde boek ek beet hie, dat syn eagen oer deselde letters glieden en ik fielde hoe ticht ik by him wie.
Mear dingen woe ik fine, mar de klep siet ticht, de skoat fan it slot rattele balstjurrich yn 'e plaat, it smoarge ding prakkesearre der net oer ta te jaan. Ik fielde nochris, it holp neat. Doe joech myn ûnthâld it byld fan de kaaien troch: leine se net op it kastke mei it stjonkfleske, it brune, ikehouten kastke dat njonken de skearspegel hong? Ik socht achter de trije oranje molkbussen, dy't ris brûkt wiene by de optocht op 'e troudei fan Juliana en Bernard, ik koekeloerde yn de rustige tjems, klattere oer de prikslide, ûntduts de tsjillen fan myn troch heit útinoar helle fyts,
| |
| |
luts it hânseltou fan pake syn mobilisaasjekiste omheech, sels wie ik sa dryst yn Sjoerd syn kast om te sneupen, mar dat ferhipte kastke wie furtsjefinne.
Dochs moast en soe dy klep iepen. Ik woe de seis laadsjes achter de klep stik foar stik iepenlûke, mei eigen fingers fiele, mei eigen eagen fêststelle wat der noch fan omke oerbleau. Ynienen betocht ik dat it krekt wie of hie er noait bestien. Net in wurd waard der noch oer him sein, allinnich in foto stie op it dressoir, mar dêr hold it mei op. Ek fan fertriet hie 'k net folle fernaam. Gie dat altyd sa as der ien ferstoar, wiene je dan foar ivich en altyd ferdwun, oplost yn 'e dizige himel? Ik koe it my hast net begripe. Wat hie him ûnder myn eagen ôfspile sûnder dat ik der erch yn hie?
Ik naam in beslút. Mei flugge fuotten rûn ik oer it klompehok, pakte de ljedder beet en makke dat ik ûnder kaam. Earst de skuorre. Wêr koe in kastke no better hingje as oan it hynstehok? Mar nee, neat te finen. It hok dan. Ik stuts it hiem oer, de fjouwer eagen fan LeviStrauss folgen my nijsgjirrich. Flau klapten de sturten achter my op de âlde matte, mar ik hie it net oan tiid mei de hûn oan te gean. Ik soe noch mei him nei de feart ta, dat moast letter mar. Yn it keallehok hoegde ik net te sykjen, mar yn it westlike diel wie al it ark fan de wrâld te finen. Wat soe in ekstra kastke hjir handich wêze, der koe fan alles yn. Yn gedachten seach ik it al hingjen tusken de skimerige banen ljocht dy't troch de skreven nei binnen ta foelen. Mar nee, hoe logysk myn ynstek ek wie, pake hie him der net oan steurd. Ik socht noch even ûnder de wurkbank, mar it hie gjin sin. Wat in ôffaller, ik hie der suver al op rekkene dat ik hjir fine soe wat ik socht.
Dêr sjoude ik werom, miskien hie 'k mear gelok yn 'e foarein.
‘Wat sikest?’ frege mem doe't se my op east oer it mad kaam yn it tuskenkeammerke dat no wer troch ús brûkt waard as sliepkeamer. Wat moast ik sizze? Op de ien of oare manier koe ik de wurden fan it earlike antwurd net troch de mûle krije. Se heakken fêst achter kiezzen en tosken. As ik sei wêr't ik om socht en
| |
| |
mem wist it net, dan soe se beppe freegje, of muoike Gel. Dat like my net goed ta, wat hiene de oare Nauta's nedich mei myn speurtocht nei omke Geart syn kastke? De folgjende fraach soe grif wêze wat ik dermei moast. Lige op in earste fraach wie gjin keunst, mar ik hie al faker fernommen dat elke folgjende leagen wiffer op de foarige lei en dat je der op wachtsje koene oant de boel omsoademitere.
‘Neat,’ sei it antwurd en Jacob Nauta, ferneamd punteteller en noch grutter akteur, spile fan ruten. Troch de gong brochten de hastige fuotten my nei it iennichste plak dêr't it kastke noch wêze koe. Stom dat ik der net earder oan tocht hie. Wa oars as muoike Gel soe it earne ophongen hawwe? Wenne muoike net jierrenlang tegearre mei omke op west? Ik stelde my foar dat, doe't er stoarn wie en syn guod oprêden, sy wat dingen meinommen hie om dy sels te brûken.
Der wie mar ien probleem. Ik kaam, krekt as de oaren, komselden by har oer de flier. It soe noch in hiele toer wurde in reden te betinken de westkant fan it foarhûs ôf te sykjen sûnder allegear lestige fragen op te roppen. Miskien, sa sei myn ûnrêstich ferstân, soe ik in ferlechje betinke moatte, in tûk ferlechje, sadat gjinien der erch yn hie wat de werklike bedoelings wiene fan Jacob Nauta, dy't stomme graach witte woe watfoar dingen fan omke Geart der noch achter de klep fan syn kast leine, dingen dy't in antwurd joegen op fragen dy't noch net by him opkamen, mar dy't er, as it safier wie, noch wol betinke soe.
| |
Alve
Dat de Tsjommerfeart in perfekte achtergrûn foar de befrijing foarme, stie fêst by elkenien dy't de reed achter it joadeplak ôf doarst te rinnen om it spul dêr ris troch it gat te sjen. Net dat soks tastien wie, o nee. Al foar it begraafplak stiene buorden dy't de foarbygonger yn sawat alle talen en mei alle mooglike útrop- | |
| |
tekens tablaften hjirwei te bliuwen. Wa't gewoan trochrûn, seach al rillegau dat de oefengreide oan de feart boer en fee net folle goeds mear te bieden hie. Stikeltried op rustige t-balken ynstee fan in goudgiele reidkraach joech út 'e fierte wei krekt oan wêr't de sleatten leine, de hoeken waarden markearre troch tsjirken en skriezen, dy't de hege warskôgingsbuorden o sa op priis stelden. Ut strategysk eachpunt wei besjoen lei it tamtearre lân sintraal tusken Londen, Parys en Berlyn. Op geheime kaarten waard yn de haadstêden fan Europa it skieppelân fan Berend Kúpke omsirkele mei reade pinnen en driigjende pylken. Wy koene it ús oars net foarstelle of de dingen fan oarloch en befrijing spilen har foar it grutste part ôf yn it gebiet besuden it spoar.
Om de safolle dagen skrillen de deade Joaden fan it begraafplak op fan de sjongende soldaten, dy't nei de feart marsjearden om te oefenjen en it gers yn pake syn lân te ferwâdzjen, want sa grut wie it stikje greide fan Berend no ek wer net en ek in poep moast wolris út 'e broek.
Pake hie sa dryst west tegearre mei heit nei de Dútsers yn it sûkerfabryk te gean om de kommandant oan it ferstân te prutsen dat it bedongjen fan ús lân ôfrûn wêze moast, mar neffens de berjochten wie it súkses fan dy aksje minimaal. De Nauta's koene dochs wol begripe dat der oefene wurde moast? Dat wie ommers yn it belang fan har eigen feilichheid! Pake, ûnder ynfloed fan in automatyske piloat dy't krekt op dat stuit út syn mobilisaasjetiid wei oerfleach, hie saluearre: ‘Jawohl, meine Herren!’
De kommandant hie net al te folle gefoel foar humor. Pake en heit wiene derút mikt ûnder in stoarm fan stevige soldatetaal. Wie dat de reden dat Sjoerd sa lilk waard? Dat er besleat fersetsheld te wurden? De machtigen fan de wrâld soene der noch wol achter komme dat der mei Sjoerd Feenstra út Wâldpikelân net te spotten wie, wat blinder! Mar hy hie ek noch te meitsjen mei beppe en dy moast net folle fan syn fiten hawwe. Hy moast goed oppasse, it gefaar kaam yn syn gefal fan alle kanten en alle eagen fan de wrâld holden him yn 'e gaten.
| |
| |
Lykwols, fan ús kant hie er neat te duchtsjen. Harm en ik wie- ne as iennichsten goed op 'e hichte fan syn sabotaazjeplantsje, mar it wie fertroud.
‘Hee jonges! Sjoch ris wat ik ha!’
Yn syn altyd wat goarige hân lei in mânske, izeren stêf.
‘Wêr hast dy wei?’ fregen ús nijsgjirrige stimmen.
‘By de smid!’
Sjoerd klapte mei it ding yn syn oare kom-mar-op-hân. Wy hoegden net te freegjen wat er dermei woe, hy fertelde it ús. As in echte fersetsman skepte er omraak op oer syn ‘geheime’ aksje, dêr't gjinien, mar dan ek gjinien fan witte mocht. Hie er ús al net earder besward ‘it bekje’ ticht te hâlden? Dat wie yn it hok, op de heuchlike dei dat er ús sa byldzjend útlei wat NEUKE no krekt ynhold.
‘En tink derom, neat sizze tsjin jim heit en mem, hin?’
Hy hoegde der net oer yn te sitten, de letters hongen noch altyd te droegjen oan it lyntsje yn ús ûnthâld en wy knikten braaf fan ‘Ja, Sjoerd!’
‘Fan 'e jûn nei iten sil ik nei it oefenlantsje. Mei?’
Mei? Nee, dat siet der net yn. Der hongen noch wol mear wurden oan deselde waskline, mar dan fan mem, doe't se my warskôge net wer nei it lân fan Berend te gean:
‘Ik. Wol.Net.Dat.Jim.Dêr.Noch.Komme, Hast.Dat.Begrepen.Jacob?’
Wurden om net te negearjen, út deselde kategory as t.o.e.m.a.r!, de tredde dus.
Nei it iten knypeage Sjoerd himsels in wei nei bûten ta om him noch ‘even te fertraapjen’ en ik koe it dochs net litte út te piken nei it hok ta. Troch de skreven seach ik him nei, Sjoerd de fersetsman, bewapene mei in izeren stêf. Al gau waard er wei achter it hege spoar.
Oerdeis koene wy fan de âlde trambaan ôf de Dútsers wol sjen. Harm, Ale, ik en wa noch mear, allegear stiene wy op feilige ôfstân tusken de beamkes troch te loeren. De miniatuermantsjes draafden wat ûndúdlik hinne en wer, dan dûkten se fuort yn in
| |
| |
greppel, in knal, mar net iens al te lûd en dan begûn it hiele sirkus wer op 'e nij. Ynearsten mienden wy dat der sketten waard, mar nei ferrin fan tiid kaam in nij wurd boppe driuwen. Wy mochten út noch yn net op it lân fan Berend Kúpke komme, want it wie in minefjild. Gjin idee wat dat no wer wie, in minefjild. It wurd lei in skoftke wat stúmsk yn 'e mûle, oant it like gewoan waard as al dy oare wurden dy't je earst net koene, mar letter wol, wurden as mokkeltsje, neuke en offisjeel. Ik bleau noch lang yn it hok en letter toarke ik wat op it hiem om. Ik hope wat te hearren, wat te sjen. Mar hoe't ik myn bûtenear ek oantrúnde, der wie neat te hearren útsein it klopjen fan myn hert. En koe ik oer de hichte fan it spoar hinne sjen?
Pas de oare deis wie Sjoerd der wer. Hy gnyske wat, mar om't der oaren by wiene, sei er neat. Dat die er letter dyselde moarns ek net doe't plysje Knal mei noch in kollega it hiem op fytste. Net ferstannich, want LeviStrauss wie sljocht mei sokke pakjes. Hy grânzge twastimmich en rûn mei acht stive poaten op beide mannen ta. De post makke altyd dat er fuort kaam, dat it bist wist suver net wat te dwaan yn dizze ûngewoane situaasje.
‘Ha, dy Jacob,’ sei plysje Knal, wylst er de hûn sekuer yn 'e gaten hold. Ik koe him wol, want syn soan Pyt siet by ús op skoalle.
‘Is jim heit der ek?’
Myn antwurd waard opkeard troch Job, dy't samar yn myn holle siet.
‘No?’
Ik wiisde nei de skuorre, mar heit kaam yn in wite skrikwolk fan fraachtekens al nei bûten ta. Myn liif draafde om de pleats hinne en joech in fikse klap op de ruten, want it wist net wêr't Job úthong. Mei de hannen boppe de eagen besocht ik te sjen wa't der yn de gewoane keamer wiene. Noch in kear bûnzje, mem die in pear stappen nei my ta. Ik sette de hannen om myn stille ropmûle hinne en wazeme troch it glês hinne DAT DE PLYSJE DER WIE. Mem har mûle sei in ooo en fuort draaide
| |
| |
se har om. Se sei wat tsjin muoike Gel en rûn hastich ta de keamer út. De plysjes stiene mei heit te praten op de skuorreed.
‘...nield?’
‘Ien hat it stikeltried yn de sleat smiten, jo hawwe neat sjoen?’ sei plysje Knal. Hy prate hiel gewoan, mar dy oare net.
‘Dat lân dêr is dochs fan jim, man, doch net sa ûnnoazel,’ sei er.
‘Nee,’ sei heit, ‘dat is fan Berend Kupers.’
‘Ja, mar dat oare stik...’
‘Ja, dat wol, mar it moat noch meand...’
Sjoerd en pake fearen op fjouwer wiete klompen ta de skuorre yn. Se hiene oan it stikellûken west by de Trekfeart, mar grif hiene se wat fernommen.
‘Plysjes rûk ik al fan in kilometer,’ sei Sjoerd letter, mar op dat stuit yn 'e skuorre sei er neat, hy bleau moai achter pake stean.
‘Ek neat sjoen, tink?’ frege Pyt syn heit yn 'e rjochting fan pake.
‘Wat net, wêr giet it oer?’
Op 'e nij waard it ferhaal yn koarte wurden út 'e doeken dien en breedút op 'e skuorreed útlein, as wask yn 'e bleek.
‘Nee, wy ha der fan 'e wike net west.’
Sjoerd skodholle mei, hy wist nearne fan, mar syn eagen draaiden nei de golle ta doe't de oare plysje him wat langer oanseach. Doe't de mannen fuort wiene, sei heit twa wurden:
‘Sjoerd, mei!’
Se waarden wei yn it klompehok, ik soe der achteroan, mar pake hold my tsjin.
‘Lit jim heit mar even. Kom, dan kinst wol helpe mei de stikels, nim de kroade mar mei.’
Dat wie ferhipte spitich. No soe Jacob Nauta noait witte wat heit te melden hie. In oere lang wiene pake en ik dwaande by de feart, doe kaam Sjoerd pas werom. Hy seach frijwat swart, mar pake wie bliid dat er der wie.
| |
| |
‘Der wiest al, witst wat, dat hoekje noch, meitsje it mar dien mei Jacob, dy hat dochs neat om hannen.’
Pake glimke der wat by, mar ik fielde hiel goed dat er ditkear hielendal net sa bliid wie en dat de wurden fan syn grapke net út harsels oerein stean bleaune. Sjoerd hold him stil, oant pake by de pleats wie.
‘Hasto wat sein?’
‘Wêroer?’
‘Dat witst bêst, heite.’
‘Ik ha neat sein...’
‘Hoe wit jim heit dan dat ik it wie?’
‘Wit ik net, wat wist er dan?’
‘Jim heit is in skiter, alle Nauta's binne skytbroeken.’
Hy sloech in lilke slach op in stikel dy't fergeat him skrip te setten en by de grûn ôfknapte.
‘Moatst lûke,’ sei boer Jacob.
‘Hâld dy de bek, ferdomme...’
No hie ik even neat te sizzen. Ik waard bang en pas doe betocht ik dat ik dêrmei wol wat oan 'e lette kant wie, want doe't de plysjes op 'e skuorreed stiene, hie ik hielendal fergetten benaud te wezen. Soe ik in held wurde kinne, ien mei blauwe eagen en alle gefaren treast? It wie in gedachte dy't my dy dei net losliet en samar hie ik it gefoel dat ik op de pleats wêze moast, fan Sjoerd waard ik sa ek neat gewaar. Ik pakte myn stikellûker en sprong oer de greppel.
‘Ik ha wier neat sein!’
Ik smiet de warden heal oer it skouder, se foelen wat ûnhandich neist Sjoerd yn it gers. Thús liek it wol of wie der neat bard. Heit fage de skuorreed oan, pake siet yn 'e hûs by beppe, mem hong de wask oan 'e line en muoike Gel koe 'k net fine. Ik stuitere wat frjemd yn 'e pleats om, seach hjir, hearde dêr, mar alles en elkenien die de gewoane dingen, trêde itselde paad. Pas oan tafel by it middeisiten waard it gefal noch even op it kleed lein. Wylst se de ierappels opskepte, sei beppe dat se grutsk op my wie.
| |
| |
‘Do bist fan 'e moarn boppe dysels útgroeid, Jacob!’
Sûnder de wurden te snappen, begriep ik dat der in komplimintsje makke waard. Job, dy't njonken my siet, kloppe my op 't skouder.
‘Ik heb dankzij jou de halve morgen onder het bed gelegen,’ hippele syn snor. Allinnich pake moast even laitsje, heit seach earnstich.
‘Alles moai, mar wy moatte soargje dat dy golle klearmakke wurdt, sa kin 't net langer.’
Job moast sa gau mooglik út it sicht ferdwine en as de need oan de man kaam, soe ik boppe mysels útstige krekt as dy moarns, doe't myn geast boppe it liif hong en myn gedachten bestjoerde, mei as gefolch dat Job in moai stik fan de dei ûnder it bêd lei op de hurde planken fan it tuskenkeammerke.
| |
Tolve
It foel noch net iens ta in famke fan ûnderen te besjen.
As ik no in suske hân hie, dan soe it maklik wêze, mar nee. Ek Harm hie allinnich mar in âldere broer en Ale hie trije susters, dy't der net oer prakkesearren ús wat sjen te litten. No wisten wy fansels wol hoe't bistekutten der út seagen, mar earlik sein koene wy ús net rjocht foarstelle dat froulju yn it algemien en de famkes út ús klasse yn it bysûnder ek mei sa'n apparaatsje optúgd wiene. Sels Foppe Briltsje, dy't troch syn fok mear seach as in oar en dy't wierskynlik dêrtroch wolris de eagen oer de gemachten fan syn heit gean liet, moast tajaan dat er net al te bêst op 'e hichte wie mei foarm en ynhâld fan it froulik geslachtsdiel.
‘As wy Tsjitske no ris in dûbeltsje jouwe?’ tocht Ale.
Gjinien sei wat. In dûbeltsje wie in grou stik jild, koe dat net foar minder?
‘Freegje har mar!’ moedige Foppe him oan.
‘Bist gek, doch do it mar...’
| |
| |
‘Jacob, do dan!’
Mar Jacob Nauta hie wol oare dingen oan 'e holle. Boppedat wie Tsjitske ien fan de stomste famkes fan de hiele skoalle en dan koene je dochs net mei sa'n fraach oansetten komme? Se soe him útlaitsje en dan moast er mei in kaam werom nei de jonges, nee, dat noait! Pytsje Pot, miskien soe dy...
‘No, kom op Jacob, of doart er net?’
It hie gjin doel dertsjinyn te gean, Foppe soe oanhâlde as storein en dan wie der mar ien oplossing.
‘Nee,’ sei ik, wylst ik oer mysels hinne stapte.
‘O...’
Sa kamen wy net in stek fierder en dat wie guon min nei 't sin. Noait hiene wy nei sokke dingen as famkes taald, se bestiene net iens. Hoe kaam it dochs dat de wrâld samar like te tillen fan de froulju? Se gibelen wat om ús hinne as mosken yn de âlde flear, rôpen dingen oer ferkearing, wy raasden werom, mar winne wie der net by, se wiene ús altyd treast.
Dochs kaam de dei fan it grutte wûnder samar út 'e loft wei fallen. As in krante sigesage it tusken de wolken troch om presys del te kommen yn 'e hoeke fan it Martiniplein. Lang foar't wy der wiene, hie de gemeente dêr in soarte fan klimrek, in staketsel fan hiele en heale buizen, spesjaal foar ús yn elkoar skroeve, sadat wy even bekomme koene fan it keatsen. Wurge skonken bongelen troch de gatten hinne, ús roppen wjerklonk troch it holle metaal, de ferve sliet ûnder ús jonge hannen.
De lêste tiid wie der lykwols wat feroare. As wy útkeatst wiene, koene wy net op it rek, want de famkes hiene it kastiel oernaam. Rokken en jurken - wat wie it ferskil eins? - wapperen as kleurige flaggen tsjin de hege loft. Tsjitske Boersma, Eefke Plantinga, it suske fan Tsjerk, Pytsje Pot, dy't sa goed tsjin de muorre op 'e kop stean koe dat wy der hieltyd faker omhinne stiene en net allinnich fanwege dat keunstje, Evelyn fan de dûmny en noch in pear, dêr't de nammen my fan troch it sin sketten binne, sieten ús oan te moedigjen, te hunen en út te
| |
| |
laitsjen. Unwis waarden wy derfan, de ûnwissichheid fan jonges dy't net witte hoe't der omgien wurde moat mei it nije ferskynsel, datit bêste omskreaun wurde kin mei it wurd ‘famkes!’ De keatsballen dy't troch ús hannen der op útstjoerd waarden, begûnen wunderlike banen te beskriuwen, stuiteren ferheard tsjin muorren dy't se oars noait rekken. Us fuotten besochten hurder en hurder te fleanen, krekt of woene se harsels noch mear bewize as oars, mar fakentiids koene se net oan ús winsken foldwaan. Wy knoffelen, stroffelen, glieden út, skaafden de knibbels iepen. Achter famkeshannen wei waarden wy útgnyske, se seine dingen mei hege stimmen, dingen dy't wy krekt net ferstean koene. De wurden namen oare foarmen, oare lûden oan, foar ús earen tûmelen se oerdwealsk yn 'e rûnte om yn it binnenear te feroarjen yn spotske opmerkings, dy't ús bytsje by bytsje leechleine.
Midden ûnder it spul kamen Henk fan bakker Koekje en Ale nei ús ta.
‘Kom mei, moatst ris sjen, gau!’ sifele Ale.
‘Mar net allegear tagelyk!’ hime Henk der achteroan.
Hy sei it mei de tosken op elkoar, sels de beweging fan de lippen wie amper te sjen. Syn eagen rôlen fan de iene kant nei de oare, fan boppen nei ûnderen ta en werom. Der kaam noch in wurd, in namme.
‘Eefke!’
Wat wie der mei Eefke, trettjin en sa loen as luzen?
‘Se hat neat oan...’
‘Wátte...?’
‘Hn?’
Hoeden, mei útstrutsen koppen, sylden wy ta de haven fan it klimrek yn, achteleas hongen wy tsjin de peallen. Sûnder leven te meitsjen draaiden eachbollen linich omheech en dêr wie it! Eefke har ûnnoazele skonken sieten wiid út elkoar boppe ús, beskade fan in reade jurk. Yn 'e midden glimke in fyn kutsje ús freonlik ta, de mûlehoekjes omheech, krekt of wiene wy âlde bekenden.
| |
| |
‘Hoe is it noch mei jo?’
‘Aardich!’
Wy leauden it net. Harsens wegeren de bylden te begripen dy't de ûndogense eagen oanrikten. Nochris en nochris, seagen wy echt wat wy tochten te sjen? Wy strúnden wer fuort, skoden ûnder de buizen wei en makken plak foar nij publyk. Dy domme geiten boppe ús keakelen of hiene se neat yn 'e gaten. Hoe wie it dochs mooglik dat Eefke fergetten hie in ûnderbroek oan te dwaan? Of hiene alle famkes... Wy rûnen op hûs oan, ús te lûde stimmen klatteren by de hege muorren op.
‘Witst wat it is, witst wat it is?’ smûge Harm en hy seach my oan mei eagen dy't te wiid iepen stiene.
‘Nee?’
Rjocht stie er foar my oer en pakte my by de skouders.
‘Se die it derom, jong, se die it derom!’
Dat wie in gedachte út in foar my te fier en ûnberikber hielal. Die se it derom? Dat bestie dochs net, soks wie net fatsoenlik. Dochs? Dy nacht dreamde ik fan in hege, reade loft. Alliearde fleantugen bolderen op it easten oan en sochten in paad tusken de wiuwende skonken fan Eefke Plantinga troch.
‘Sjochst no wol?’ raasde Sjoerd, ‘ha 'k it dy net sein?’
‘Wat dan?’
‘In lekker wiif is ...as de himel!’
Hy sloech de holle yn 'e nekke en lake mei bleate tosken. It fine kutsje fan Eefke glimke werom en ik woe dat myn gekke kop ris ophold fan tinken.
| |
Trettjin
Heit woe oan de gollekant in grutter gat yn it flokhok seagje, om't de doar net brûkt wurde koe fanwege it hea op 'e souder, mar dat begrutte him dochs. Dus waard der in balkje tusken doar en kezyn set, dan koe Job der yn alle gefallen gewoan yn komme.
| |
| |
Yn myn grutske hannen marsjearden ruterstokken as houtene Klazen de heasouder op. It rezjimint like wol skepen foar it meitsjen fan in trochgong nei it arbeiderskeammerke ta. Heit sette de boel fêst yn 'e golle, mar dat die er pas doe't de swellen de komst fan Sjoerd, fersetsheld en domkop, oankundigen mei in dûkflecht troch de iepenslaande skuordoar.
‘Ik moat der net oan tinke dat Klaas Brechje hjir ferskynt,’ sei heit tsjin pake.
‘Of plysje Knal,’ tocht pake syn swittende holle mei.
‘Earst moatte dy stokken út it sicht... Jacob?’
Sjoerd stuts it hea by de golle op, heit swypke it oer 't skouder hinne yn 'e rjochting fan de brânmuorre, pake en ik flijden in gerdyn oer de skeane stokken. Bûten holden mem en beppe út en troch it spul yn 'e gaten, mem achterhûs en beppe wie oan it rúthimmeljen oan 'e foarkant fan de pleats.
‘Aaah,’ stinde Sjoerd doe't er in lêste foarkfol hea oer de râne fan de golle kipere. Bloedich wie it wurk, dat as in dwarse ko de hakken yn 'e grûn sette.
Sa wie it: de hiele wike hiene wy drok oan 'e gong west op it stik lân achter de âlde trambaan, no it Hitsumer Binnenpaad. Der wie meand, skodde, swile. Tiid foar in praatsje, in rêstich bakje tee of in kalm stik bôle wie der net. De bealch moast derop, wat blinder! De sinne hie it griene gers útklaaid en bestoppe mei in giele wale. Wer wie der keard en nochris en nochris. De hearamten wiene op de weinen set en de safolste fracht waard derop loege. Leien stiene strak yn Sjoerd syn sterke hannen. De Bels en de Alde Swarte setten har skrip as de swiere lading oer it spoar lutsen wurde moast. Wer in weinfol en wer ien, noch ien. It hea rikte heger en heger, de twadde golle skeat rap troch oant de heabalke ta.
De romte om my hinne ferskronfele, it reid ûnder de pannen krûpte stadichoan op my ta en sleat my yn. Ik doarst my net mear by de rânen te weagjen, bang as ik wie foar de djipte.
De hege healjedder bleau oer as iennichste útwei, mar de
| |
| |
gedachte allinnich al dat ik strak myn fuotten op de triemen sette moast...
Wêrom sa hastich? It wurk dreau ús op sa't it dat noait earder die. It hea moast binnen, noch foar de snein. Job moast teplak, it wie oarloch, opsjitte, opsjitte! Mem en muoike tôgen bêdeguod oer de heasouder, beppe brocht in waskkom en de âlde, brune pôt dy't op 'e foarsouder wachte hie op bettere tiden.
‘Hé pop!’ rôp heit oerdwylsk fan boppen ôf, doe't er mem seach.
‘Eh juh,’ hearde ik mem sizzen, mar se fûn it moai en ik ek. Dat hurde wurkjen makke ús allegear in bytsje gek yn 'e kop, sterker hiene wy noait west en soene wy noait wer wurde. Ik smiet in top hea nei ûnderen ta, presys op de reade switholle fan Sjoerd.
‘Hé,’ klonk it fan ûnderen, ‘hâld ris op, ferjamme!’
Pake syn swier bepluze holle puste deroer. Even letter wjukkele er nei de ljedder ta, ferdwûn oer de râne en begûn it hea oer de glêde souder foar it flokhok te skowen.
‘Gean do ek mar,’ sei heit.
‘Ja, ma...’
‘Help pake mar even.’
As in skiterige kat slûpte ik op de feilich ûnfeilige ljedder ta, mei in hege rêch krûpte ik as myn eigen spegelbyld op it ravyn ta. Ien foet weage it en socht de boppeste, ûnsichtbere trieme, want de ljedder wie hieltyd fierder ynkoarte. Doe pakten twa sterke hannen my by de earmtakken.
‘Toemar,’ sei heit.
In ‘toemar’ fan de twadde kategory, útsprutsen mei de kalmte fan mem. Fuortdaliks hold it bange hert op fan bûnzjen en socht in nofliker ritme. Heit liet my sakje, krekt salang oant myn dryste foet in hâld fûn op it fertroude hout. By elke delstap stiigde de golle tritich sintimeter, oant ik feilich op 'e souder stie.
Ik holp pake noch wat mei it fierder tichtsetten fan it arbei- | |
| |
derskeammerke. Sa út en troch smiet Sjoerd nij hea op it lytsbûthús, ik mocht it dan fierder skowe mei de twatine. Let op de middei giene Sjoerd en heit te melken. Pake en ik wrotten troch, it wurk moast dien. Op it lêst wie it hast itenstiid.
‘Pake, mei ik troch de gong krûpe?’
‘No...’
‘Aaah pake...’
‘Mei dat wol fan jim mem?’
‘Ik tink...’
‘Moatst earst freegje...’
Pake fage it stof fan syn wurge foarholle ôf. It flokhok wie weiwurden yn it hea, mar goed genôch wie it net. Dy jûns moasten wy noch hurd trochwrotte, de hannen soene sear dwaan, hieltyd searder, mar tsjin dy tiid wie ik te wurch om blierren te krijen. Troch de gong proefkrûpe mocht net fan mem. Beppe besocht it dochs noch in kear.
‘Lit him dochs, Jacob hat it op it lêst betocht, of net?’
‘Gjin sprake fan, hy wasket him mar en dan op bêd...’
‘Ja mar as alles yn oarder is, dan kin Job fannacht...’
Mem seach beppe even oan. Dat wie genôch om de oare wurden dy't beppe sizze woe, op te kearen. Se sjuttelen ûnwillich werom nei beppe har ûnthâld om dêr fergetten te wurden. Nei de snein soene wy wol sjen.
Dêr stie ik, neaken yn it wetter. It koele waskhantsje krige it amper foar elkoar de waarmte út it liif te spielen. Om de tobbe hinne lei it hea, dat út myn ûnderguod weirûgele. Doe't ik op bêd lei, bruts it swit my oan alle kanten út. Oan de oare kant fan de brânmuorre hearde ik it kreakjen fan de heawein, it praten fan de manlju. Even miende ik de stim fan Job te hearren. Fûn er it feilich genôch mei te helpen no't it sa let op 'e jûn wie? Ik prakkesearre der net mear op troch. De sliep tilde myn liif en gedachten yn in pear oeren tiid nei in nije moarn.
| |
| |
| |
Fjirtjin
De dei begûn prachtich. Klysters weefden mei soarch it iene liet nei it oare troch de tûken fan de kastanje healwei de reed. Sels doe't it al kofjetiid wie, koest de hege noaten noch hingjen sjen. Pas doe't de sinne te waarm wie, ferdampten se.
Ik wie der net by mei de holle. De skoalle gie gewoan troch, al waard der wolris praat oer in tydlike sluting. Ik soe it net slim fine, der wie genôch te dwaan en as de oarloch foarby wie, hellen wy de skea wol wer yn. De moarn wie lang en dreech. Master Akkerman hie in min sin en fûtere oan ien tried wei syn lessen oer ús earme hollen hinne. Myn earen hiene muoite de wurden út de loft te heinen, myn harsens wegeren de betsjutting op te nimmen. It duorre lang, te lang foar't wy nei hûs ta mochten.
Mei ús trijen draafden wy de Turfkade del. De frijheid wurke ús op it moed. Wy raasden bolbjirkene wurden nei alles en elkenien, sels nei de soldaten dy't ús foarby rieden. Se laken en stutsen de hân omheech, se wiene ûnderweis nei it oefenlantsje by de feart. Flakby de brêge besloech de smid in hynder. Berend Kúpke hold it bist stiif beet by it helter en sei dat it allegear wol wat tafoel, dat de smid hast klear wie en dat de nije izers wer in moai skoft meigiene. It hynder knikte: it wie allegear wier wat Berend sei. Wy stiene der wat nei te sjen, nei de gitswarte merje, it fjoer yn 'e smidte, de glânzgjende nije hoefizers en de ûnbidich grutte hannen fan de smid, dy't fan elk hynder in skiep makken.
Mar ynienen bestjurre it taferiel. Myn bûteneach warskôge sûnder fierdere oankundiging dat der wat swarts op my ôfkaam. Om my hinne registrearre it bûtenear sekuer de lûden, de wurden dy't út ferhearde mûlen wei glieden.
‘Hn?...’
‘Wats...’
Doe seach de smid omheech. Even moast er syn gedachten ynstelle op de tsjustere oanwêzigens fan Brechje, Klaas. Hie Jacob Nauta nei de earste ûntdekking fan syn ferneamde bûten- | |
| |
each Klaas net opskreaun ûnder de B, sadat er altyd weromfine koe wat er op syn nearzige sliepkeamer seach?
‘Soa, Klaas, nij pakje?’
‘Gnmpf...’
‘Se ha der mar in knap kleurke by útsocht, net?’
Klaas lake wat heal om heal, it slymspoarke by syn mûlshoeke ljochte op doe't de sinne derop foel.
Wie dit Klaas? It wie sa'n toer te wennen oan dy gedachte. Ik ûntduts dat it brûken fan in bûteneach ek in bywurking hie: ik koe Klaas sels net yn byld krije. Wat ik seach wie net folle mear as in silhûet, in nij ward dat al lang bestie en allinnich mar wachte op in kâns de dingen te beneamen. Klaas wie in swart gat yn it ljocht fan de dei dêr't ik dwars trochhinne nei binnen ta seach yn in ûnpeilber djip hielal fan wraak, reek, geweld en fjoer.
‘No, wy hawwe dy wol sjoen, mar gau trochfytse,’ smûge Berend, wylst er it hynder oer de kop wreau, ‘silst it wol drok hawwe, net? ...Opsoademiterje!’
Dat lêste wurd sei de smid der achteroan op in toan dy't dúdlik genôch wie. Ik fûn it in wurd fan tsien punten. Opsoademiterje. Ik besleat dit wurd op te nimmen yn myn Manieren Fan Dwaan, want it wurke omraak. Sa't in hynder yn syn hannen feroare yn in mak skiep, sa feroare Klaas yn in wezeling.
Doe like it wol of seach er my ek. Hy knypte syn eagen heal ticht en loerde my in tel út syn eachhoekjes wei oan. De gedachte dat ík ferantwurdlik wie foar de ûntbleating fan de echte Klaas wâle as net tsjin te kearen maachsoer omheech. It makke my mislik, de driging, de driging.
Hy fytste mei in slinger fuort.
‘Dêr kinne wy noch wat mei belibje,’ tocht Berend. Ik wie der wol wis fan.
|
|