| |
| |
| |
Twadde stien
Dêr, de twadde stien.
It karke suchtet fan blidens. Spieren dêr't ik it bestean fan fergetten wie, hymje ienstimmich. Mei belangstelling draaie de joadeletters mei as ik del kom. Dwarsbalkjes hingje kabbalistysk tusken de rigels, net te ûntsiferjen, mar ik wit wêr't se fan fertelle. It âlde folk, skiere foto's út in fier ferline, hoefolle is der net fergetten? En do Job, do âlde bûtser, hielendal út Hilversum - of, sa't pake it ynkoarte: Haasum - earst de joadejee fan 'e klean toarne, doe gewoan op 'e trein stapt. Dêr giest, in tsjinakseljende LeviStrauss meiskuorrend oan in stik tou. Niks gjin ferset, in mei soarch útsetten rûte, wol in falsk persoansbewiis en dan gewoan op 'e trein mei de hiele hannel, want: ‘Ons volk sjijnt iets met treinen te hebben, Jacob...’
Hokker Dútser soe in Joad sjen yn dat guodlike mantsje, dat der in ein op los reizge, krekt of wie dat in spul fan alle dagen? Dat mantsje, dat yn Ljouwert besleat op it tredde stasjon dêrwei it der mar op te weagjen en stap út dy roetsjende kokon. Dan it stedsje út te rinnen, om by de earste de bêste pleats oan de rjochterkant it hiem op te kuierjen en te freegjen hjir de oarloch út te sitten?
Wat sille minsken dy't dy seagen, tocht hawwe?
‘Hea, moatst no ris sjen, in Joad?’
Of:
‘Wat in snor!’
Of gewoan hielendal neat, gewoan om't it sa gewoan wie dat der immen by it spoar om stapte? Of wie soks hielendal net sa gewoan? Waarden der kleedsjes en gerdyntsjes fansiden skood om dy nei te sjen? Mar Job, dan wist dochs elkenien yn 'e Prikkebuert wêrst it hiem oprûn wiest? En wie dat dan net in bytsje dom?
| |
| |
Ik hear nei de stilte en besykje de antwurden te heinen út it flústerjen fan de wyn, it tikjen fan it reid, it kanteljen fan de blêden heech yn de popels in eintsje fierderop. Ik sjoch oer de muorre hinne nei de pleats, dêr't ik yn dy jierren tahâlde. Wie it joadeplak net in kastiel, joegen de muorren net de beskerming dy't wy sochten, fielden wy ús hjirwei net hear en master oer greiden en stêd, ja oer ús hiele bestean?
Oars koest hjirwei it reade dak achter it spoar krekt sjen, no is de pleats al lang weisakke yn de annalen fan it yndustryterrein. Frachtweinen ride sûnder ophâlden, yn 'e fierte hearst it grommeljen fan de swiere disels. Mercedes, DAF en Scania hawwe mei in soad leven de leechfallen plakken fan kreakjende heaweinen ynnommen, griis beplate fabrykshallen triuwe de kym omheech.
Ik skik de twadde stien teplak, hoe sil ik him dellizze? Ik soe in monumint bouwe kinne, fjouwer stiennen as draachflak en trije derboppe-op. Mar dan soe ik speesje hawwe moatte, gjin stien is itselde. Dan mar los fan elkoar? Wat makket it ek út, ik kin se likegoed willekeurich dellizze, krekt of hat immen in protsje stien oer hân en wist er net wêr't er hinne moast mei de brol.
‘Wolkom, wolkom!’ sille de fersakke sarken roppe, as se sjogge dat der sûnt lange jierren wer wat nij guod op it hôf delset is.
‘Wêr komme Jim wei?’ sille se freegje, 'en wa wurdt troch jim betocht, wy sjogge gjin namme!’
Job, ik hoopje mar datst it net slim fynst, dyn namme haw ik weilitten, do witst sa wol dat dizze stiennen foar dy binne...
| |
Ien
Tusken de gewoane keamer en de moaie keamer yn siet in romte, dy't yn beslach nommen waard troch it bedstee fan pake en beppe en in tuskendoar, dy't beide keamers mei-elkoar ferbûn. Der wie dan oan 'e kant fan de gong, dêr't je alle spultsjes fan 'e
| |
| |
hiele wrâld dwaan koene, noch in alkoofke oer. Dêryn siet in trep nei de kelder ta, in kelder dy't ûnder de fjouwer keamers fan de foarein trochrûn.
Krekt as pake hie ek it trepsgat lêst fan krimp. Wat âlder ik waard, wat faker ik de holle stompte tsjin de kantige richel fan de tuskendoar. De kelder wie lykas de hiele foarein opdield yn fjouweren, want de keamersmuorren rûnen gewoan troch nei ûnderen ta, om dêr wei te warden yn de betegele flier. Om't de keamers wat heger leine as de gong, hie de kelder oan 'e foarkant fjouwer rútsjes, wat wol handich wie, want sa koest tusken de spilen troch ek út de kelder wei op 'e toer fan de Martinitsjerke sjen hoe let oft it wie.
Skean foar de kelderstrep oer stie in fermôge tafel mei trije ljochtgriene petroaljestellen, dêr't beppe o sa sunich op wie. Alle dagen waarden dy dingen himmele en de rûne gleskes yn 'e midden oppoetst, want ‘skjin guod bliuwt’ en ‘sa kinne se in minske-libben mei.’ De stellen stiene by elkenien bekend as beppe har kroanjuwielen, net allinnich om't se der sa wiis mei wie, mar benammen om't it der gewoan op stie: KROON EMAILLE. Yn lytsere letterkes waard boppedat noch dúdlik dat it spul ‘Ned. Fabr.’ wie, in pree yn dy tiid, want dat guod út it bûtenlân koe net folle aaps wêze, wie de algemiene gedachte. Hjir waard sean en by 't simmer ieten wy hjir ek, want yn deselde kelder stie noch in fikse tafel mei ûnder it útskoblêd in pear laden, dêr't beppe har itensreau yn opburch. Eins koe, mocht de pleats yn in stoarm fuortwaaie, it hiele libben him likegoed ôfspylje yn 'e kelder, want alles wat in minske nedich hawwe koe, stie der wol. As it moast, wie der sels noch wol in bibel te finen, ek by't simmer moast der op it lêst lêzen wurde.
Dochs wie ik it alderleafst yn 'e kelder as de dagen koart en tsjuster wiene. Dan wie it dêr oan de ûnderkant fan it bestean op syn moaist.
Nei melkerstiid diene de manlju de lêste dingen, de amers waarden útbjind en op it rak set, de bjinders útspield en heit tôge
| |
| |
de bussen op 'e karre om de molke oan 'e dyk te setten. Pake fage de bûthúsflier, de kij stinden noch wat en joegen har del op it skjinne strie. Fan fierren klonken de lûden fan de pleats troch yn de kelder. Beppe en mem makken de tafel klear, pantsjes en messen waarden klearlein, it ratteljen fan stien op hout. Dêr! De tik fan de bôletromp, de slach fan in doar. Klompen lieten los fan fuotten en sochten de sliep yn 'e klompebak, sokken waarden fage. Pake syn stappen sûzen my oer de holle, omke en heit folgen, gruttere stappen, mear leven. Mem sei wat tsjin muoike Gel, muoike lake. Stuollen skoden oer de flier en ik wie ûnderdûker, allinnich en fergetten.
Seach ik omheech dan lutsen streekjes ljocht myn eagen, yn de âlde flierren sieten skreefkes en op de plakken dêr't gjin kleden leine, dripte it giele ljocht de kelders yn. Hearde ik myn namme? Heit rûn oer de gong, it ljocht foel ûnder de doar troch en hy rôp: ‘Jacob?’
Dan slofke er nei east en twa meter ûnder syn faotten rûn ik mei, de stjerren boppe my wiisden it paad. Tegearre kuieren wy werom.
‘... ...net op east’, sei in stim.
‘Niiskrekt... ... ... ...achter.’
‘Wêr dan?’
‘Yn 'e skuo... by de... ...’
‘Hasto... ...?’
‘...’
‘... ... ...’
‘...!’
Lilkere stappen bûnsden de flier.
‘JAAAACOB!’
Ik wachte oant elk wer yn 'e keamer wie en it sykjen ophold, dan stapte ik de trep op, myn triuwfingers taasten de doar iepen en dan op slûpsokken de gong oer nei it klompehok. Dêrwei kaam er op foar it lêste bedriuw, Jacob Nauta, grut akteur en hy stapte mei in soad leven it toaniel op, de planken kreaken doe't er
| |
| |
it trepke berûn en de doar iependie.
It dekor bestie út in itenstafel mei pannen, messen, twa kuorkes mei bôle, tsiis, bûter en bekers mei molke, op stuollen de oare spiiers. Trije froulju spilen de mem, de beppe en de muoike, trije manlju de pake, de omke en de heit en alle seis seagen se like brimstich, want de jonge dy't Jacob spile, wie wer ris fierste let en oeral hiene se him socht, mar hy wie nearne te finen, net op east, net op west, net op noard en ek net op súd.
‘Wêr wiest no wer, hiest my net heard?’ prottele de heit.
‘Iterstiid is ek tiid,’ breide de beppe der achteroan.
Jacob, bern en dochs al by steat en set guon dingen nei syn hân, eage it toaniel oer. Wat wie dy skippersklok prachtich, om mar te swijen fan it skilderij-mei-de-hoeder-en-trije-skiep-of-binne-it-geiten? Hjirmei wûn er kostbere tellen om it goede antwurd op te sykjen út de alfabetyske list fan ferlechjes, dy't elke akteur, elk bern op foarrie hat.
‘Ik wie achter by de hinnen,’ en hoe wurke er mei dat antwurd op it moed fan beppe, foar wa't hinnen suver minsken wiene, ja, mear as minsken, - ‘kwòòòk?’ - socht se sels de aaien net alle dagen út de jirpelbakjes op 'e souder, - ‘kwòòòk?’ - prate se net mei de bisten, sei se net fan ‘Eèèn-ha-jim-ek-lèèèkker-sljèèpt?’ tsjin dy ynleave tokjes, lei se net út en troch ien fan de bisten mei de kop op it hakblok en koarte se net mei de bile - ‘kw?’ - de hinnen stik foar stik in eintsje yn? Wat wie it in lust dat har eigen beppesizzer no ek sa'n niget oan hinnen hie, dy jonge soe se nóch faker meinimme om aaien te sykjen en dan koe er ek wol wat meihelpe by it skjinhâlden fan it hok, dat soe Jacob grif wol moai fine, wat hie se dochs in aardichheid oan it fintsje, sjoch no ris hoe't er dêr stie, wie it net oandwaanlik?
En Jacob, ferneamd toanielspiler, bekend yn binnen- en bûtenlân, wist dat er mei dizze tûke slach ek de mem yn 'e bûse hie, want wat koe dy no noch begjinne en wat soe de heit no noch, syn frou hie it ommers al oerjûn en de beppe prottele noch wat foar de foarm, want sa hearde dat by bern, je moasten se
| |
| |
dochs fatsoen bybringe en iterstiid wie dochs ek tiid?
De omke en de muoike makken har net al te drok, de jonge wie hár jonge net, de heit en de mem moasten der mar mei rêde, al hie de omke wol sa'n bytsje yn 'e rekken dat Jacob krekt as hysels - dat bliek letter wol - knap toanielspylje koe, want hy wist hiel goed dat de jonge hielendal net by de hinnen tahold, om't er by it kuilfuorjen dêr noch delkaam en fan dy hiele Jacob wie doe neat te sjen.
En Jacob?
Hy socht syn plakje oan tafel op, sei syn gebedsje, tanke God foar it iten - sei er - foar de hinnen - dat tocht er - en pakte in stikje bôle.
| |
Twa
Midden yn in ûnlijige krystnacht waard muoike Gel sa betiid wekker, dat se har de oare moarns finaal fersliepte. Dat kaam net al te bêst út, want it wie net samar in nacht, it wie De Nacht Foar De Grutte Dei. Neat hie se fernommen fan omke, dy't der om fjouwer oere ôf gie om mei heit en pake te melken. Om't it sa rûzich wie, hie se neat heard fan de Martiniklok, dy't op alle heale en hiele oeren oan elkenien dy't it mar witte woe, fertelde dat it alwer safolle letter wie as earst. De gouden wizers mealden mar troch, fisken dy en dan wer dy fan 'e koai, mar muoike Gel lieten se gewurde.
It wie al hast njoggen oere, doe't muoike der einlings en te'n lêsten ôf kaam, heal yn 'e sûs en hielendal yn 'e beane, want se siet noch net iens op 'e stoel of se begûn alderheislikst te gûlen.
‘Wat no fanke, de senuwen bleat?’ woe omke witte. Sa as de lêste tiid wol faker, it minne waar boaze allinnich mar oan.
‘Iiiiieeeeoeoeoeggigigi...’
‘Wat seist?’
‘Gioeioeoeoeo...’
| |
| |
Mem koe it net mear oansjen, pakte muoike by de skouders en skodde har troch elkoar.
‘Ophâlde ...no!’ en sa hellich seagen je mem net faak. It briltsje heakke ôf en muoikes noas, mûle en eagen waarden wei yn in grutte bûsdoek, dy't de floed fan triennen amper ferwurkje koe. Mem roste en roste, dat gie no al dagen sa en it like hast wol oft der gjin ein kaam oan de útbarstings, dêr't muoikes senuwen sa'n aardichheid oan hiene.
Gelokkich wie it hjoed safier. Harrie Boven, earste stjoerman op de Melba, in frachtskip dat tsjinsten ûnderhold fan Rotterdam nei Londen, Marseille, Genua en alle oare havens oan de Middellânske See en dy't mei feardige hân en in soad stjoermanskeunst it libben fan muoike Gel bestjoerde, soe op dizze ûnlijige twadde krystdei de fyts út de haven fan Harns opdjipje om by ús op 'e pleats yn 'e kunde te kommen mei pake Jappe en beppe Gé, dy't al oeren yn 't foar pontifikaal opsitte soene yn de moaie keamer oan de tafel mei it reade kleed, rjocht foar de boekekast oer. Mem liet muoike nochris troch de hannen gean.
‘No, earst wat ite, sa komst de dei ek net troch, wat moat Harrie fan dy tinke!’
‘Gjihihihin tihihid, ihihik mmoatnoch...’
‘Do moatst neat ...ite, hjir’, beppe skode in weinfol bôle en in sleat kofje oer de tafel.
‘Wèhèrom ha jihihim my dan ek net...’
‘Doch net ûnnoazel, sliepst de hiele wike ommers like min as wat.’
‘Mar ihihik moat nnoch...’
De net ôfmakke sin rôle sûnder wjerstân fierder yn myn holle. Sels ik koe wol begripe dat as Harrie Boven it hiem opsteame soe yn in wolk fan reekplommen, de hannen beret oan it stjoer, de permanint yn muoikes hier wie noch lang net wat it wêze moast, der moast wosken wurde, poeiere, der hearde rûkersguod mei fingertopkes achter de earen plakt te wurden, de earbeltsjes
| |
| |
moasten noch yn, de bloedkralen om en ferjit dat gouden klokje net, de kreaze jurk hong noch foarmleas yn 'e kast en wat froulju allegear ûnder de klean oan hiene, hie ik net faak genôch it geheister fan mem besjoen út de loerhoekjes fan myn eagen wei?
Wat in gelok dat mem der noch wie, myn eigen mem, Jits Bakker fan It Fean, kalm en altyd fleurich - tocht ik - en beppe Gé, grut yn alles dat se die.
Hoe krigen se it dochs hieltyd wer foar elkoar de brot op de wâl te krijen, dyselde moarns noch, want doe't de seeman mei de fyts troch it farske grint ploege, stie muoike yn 'e foardoar dy't eins in syddoar wie. De permanint hold it stive hier triomfantlik yn in izeren greep, in laachje read fet joech foarm en kleur oan de wangen, rûkersguod sweve as in wale om har hinne en yn 'e hûs sieten pake Jappe, beppe Gé en mem pontifikaal yn de moaie keamer oan de tafel mei it reade kleed, rjocht foar de boekekast oer.
Hie Harrie Boven net de heechste weagen beriden op de Atlantyske Oseaan, wie er net swiere stoarmen treast, hie er net fochten mei seelju yn 'e kroegen fan Marseille, Napels en Tanger? Al op 'e Nije Dyk sette er gong, doe skeat er mei faasje de bocht om en ûnderwilens seach er dat muoike sechstich meter fierderop al ta de doar útrûn wie mei in jonkje. Achterhûs by Gibraltar stiene omke en heit op 'e weau en op de âld reed lei it farske grint, noch mar in pear moanne earder oanlevere troch ‘RIEMERSMA, ZAND, GRINT & GROND’.
Wat deale! No soe er wolris even sjen litte dat er him ek op 'e fyts knap rêde koe. Oant healwei de reed wist er de yllúzje yn stân te hâlden, mar by de kastanje wie de dream út. Mismoedich joech de earste stjoerman fan de Melba belies en baaide er fierder troch de heech opwoeksen stientsjes, dy't him feninich útlaken.
Der wie noch wat dat opfoel. Harrie Boven kaam wol tichter-by, mar hy woe net grutter wurde. Doe't er pûstend en blazend by omke en heit slagge en mei har fûstke, wie er eins noch like lyts as by de kastanje. De Nauta-manlju stutsen in kop boppe
| |
| |
him út en noch slimmer, muoike Gel like ynienen in baas frommes, ja sels Jacob Nauta, dy't geregeldwei op de ‘Java - New Yorklijn’ te finen wie mei staven goud, sulver en tin, skonken troch de tankbere ynboarlingen fan Sumatra om't wy sa goed west hiene en bring it evangeelje, hoegde de eagen amper yn 'e heechste stân te setten, wêrtroch't er it gefoel krige dat er al in hiele keardel útmakke.
Yn optocht gie it nei binnen ta, nei it tribunaal yn de moaie keamer, dêr't Harrie yn 'e kunde komme mocht mei de oare Nauta's, ek stik foar stik grutter. Beppe lake wat ôf en dat wie net allinnich om't se sa'n goed sin hie.
‘En, hoe is it op see?’ frege pake.
‘Hieltyd drokker,’ sei it antwurd.
Doe waard it stil.
‘Dûmny is mar betiid hjoed,’ glimke mem. En wer sakken de skaden oer de keamer.
‘Hawwe jo ek in pappegaai?’
Dat wie ik dy't dat frege, iksels hie in fraach en ik hie der net iens oer neitocht oft je soks wol sizze koene, dêrom flapte ik it der samar út. Der waard lake, it iis bruts en dat kaam fan my.
‘Wolst noch kofje of wat oars?’ frege muoike Gel.
It waard wat oars, al rillegau stie de Skiedammer op 'e tafel en setten de manlju de bran yn mânske sigaren, de keamer luts him werom yn in blauwe dize, dêr't ik it net al te lang yn út hold.
Dus dit wie no in seeman. In plof-yn-'e-sûpe hie 'k ferwachte, in unifoarm, in pet en it stjoer los oer 't skouder, hy soe rûke moatte nei de sâlte see, út syn rûge kop waaide in burd en hy rûn mei de skonken wiid, miskien wiene in houten poat en in each-lapke ek noch wol aardich, mar nee. Harrie Boven wie lyts, rûn gewoan, hie gjin burd, net iens in snor, read hier, in bril mei rûne gleskes en om de gedachte oan in pappegaai moast er laitsje. Prate koe er omraak, noait wiene der sa'n soad wurden sein. Grapkes makke er mei omke en muoike, wichtige dingen kamen oan bod en it hold noait wer op, it hold noait wer op.
| |
| |
Beppe en mem hiene lekker iten sean op de kroanjuwielen yn 'e kelder, it moaie itensreau kaam foar it ljocht mei de pannen dy't noch fan in al deade beppe west hiene en dêr't wy hiel foarsichtich mei wêze moasten.
Nei iten fertelde Harrie oer frjemde havens yn Súd-Europa, Marseille, Napels en Noard-Afrika, oer de lading en oer de Melba, syn trou skip.
Doe't er wer fuort wie, sei omke: ‘In aardige fint.’
‘Fintsje,’ ferbettere ik, en it wie de twadde kear dat elkenien om my lake.
| |
Trije
God leaude noch it meast yn grifformearden, tocht omke Jarich op ien fan de jierdeis.
‘Hoe witsto dat, hast kunde krigen hegerop?’ glimke pake, dy't fan sok praat net al te folle hawwe moast. Dochs soene in soad grifformearden it omke, dy't eins net echt in omke fan my wie, sa neisizze, fral de grouwe setterboeren oan de noardkant fan de stêd, want dy mienden dat se ek yn it paradys ‘mei de bealch foarút en in grouwe sigaar yn 'e holle’ omrinne soene.
Yn tsjerke wie dy ferdieling goed sichtber makke. De banken wiene yn in heal rûntsje om de preekstoel hinne timmere en God himsels hie yn syn hillichheid ornearre dat it bêste folk rjocht foar dûmny oer sitte mocht, de manlju oan de iene en harren froulju oan de oare kant, want sa hearde dat.
Stiest wat minder yn oansjen, dan kaamst op de skeane siden telâne, dat dêr sieten de lytse selsstannigen as Bakker Koekje en mear fan datsoarte.
It alderleechste guod waard op 'e kreake delpoate, dan koe de ‘Heere Heere’ dyselden wat better yn 'e gaten hâlde.
De Nauta's sieten meastal op 'e skeane kant, op de net-ferhierde plakken, want ‘hiere kostet allinnich mar’, dêrom holden
| |
| |
pake en beppe ús altyd foar dat ‘elk plak like goed is’ en dus swalken wy, as wy net op de skeane kant terjochte koene, de hiele tsjerke troch. Sels op de kreake koest ús treffe en dat fûnen dy grouwe boeren blykber wol wat raar, want se gnúfden as murden.
Soms hiene wy in blikkene dûmny, mar meastal preke dûmny Schaap, dy't ek wol by ús thús kaam. Dat wie om't der fierste folle evangeelje wie om yn tsjerke kwyt te kinnen, sa waard it troch omke Geart ûnder wurden brocht en ik leaude it fuort, want der lei wol sa'n aldermachtichst tsjokke bibel op 'e preekstoel, God soe der oars noait trochkomme. Letter betocht ik dat soks fansels kaam om't wy de aldergrutste dogeneaten wiene, mar dy gedachte kaam pas by my op doe't ik al in pear jier âlder en in stik minder grifformeard wie.
Dûmny Schaap preke altyd rjocht foar him út, wat ik net slim fûn. Ik siet it leafste achteroan op ien fan de sydkanten wat út it sicht, dan koe ik myn eigen dingen tinke. Fan de preken hearde ik net folle. De wurden dy't as sjerp by de preekstoel delsakken wiene te wurch om dêrwei te kommen, der lei in hiele bult dy't alle wiken troch de koster opskept waard by it skjinmeitsjen.
Op in snein foel it my op dat der om my hinne hieltyd lûder gnyske waard en dat barde net sa faak. As it al safier kaam, wie it meastal ek sa wer oer. Dûmny preke oer ‘De Rijke Jongeling’, in ferhaal wêrby't in knaap dy't aardich sinten hie, by Jezus kaam om te freegjen hoe't er yn 'e himel komme koe sûnder dat er al syn jild hoegde te fergriemen oan de earmen, mar Jezus tocht fansels dat soks ûnmooglik wie, teminsten neffens dûmny, dy't hieltyd mear yn 'e besnijing kaam fan it ferhaal. Lûder en lûder begûn er te balten tsjin de grouwe boeren rjocht foar him oer: ‘...En Jezus sprak, zèèèggggende ...een rijke zal bezwááárlijk in het kóóóninkrrrijk des Hééérennnn binnengááán... Vóóórwaááárrrr ik zèèèg uuuu... het is líchter dat een kééémel ga door het óóógggg éééner naald... ...dan dat een rijke ingááá in het Kóóóninkrrrijk Gòds!!!...’
By elke folgjende sin feroare de hoeder op 'e stoel stadich yn
| |
| |
in nidige flearmûs dy't mei de swarte wjukken fan syn toga en mei iepenskuorde eagen it folk foar him oer betsjoende.
‘...Brààànden in de hèèèlle zult ge, gij gespuis, gij àdderrrren-gebrrroed...’
Foar him siet de blom fan de gemeente stiif en mei tinne lippen elke nije slach te ferwurkjen. Ek omke Jarich siet dêr. Hy krige bêst op 'e hûd, beppe treau mei de hân har gibeltsjes werom de mûle yn, pake knypte de knibbels fyn fan wille.
‘...dááárrrr is het tàndennngeknàrssss en het gewééénnn...’
It leven op de kreake wie no ek ûnder goed te hearren, dêr sieten de feinten en fammen, dy't dei út, dei yn bodden op de pleatsen fan it ‘àdderrrrengebrrroed...,’ dizze preek soe foar de kommende tsjustere wiken sûnder mis in beaken wêze.
‘...Bekééér u van uwe dwááálwééégen...’
It like wol of kaam der gjin ein oan de litany fan lekken en brekken. Dûmny liet himsels hielendal gean, oanfjurre troch de branje dy't de tankbere gemeente út de sydkanten wei yn it hellefjoer mikte, dat midden yn 'e tsjerke heger en heger oplôge.
Allinnich neist my wie it stil. Omke Geart die net mei, tocht oan wat oars, seach in hiel oare kant út en ik seach mei. Dêr siet se, fier fuort op de oare sydkant, it opstutsen hier ûnder in blauwe hoed, sa ûnopfallend dat ik har noch net sjoen hie, de frou fan ús buorman-de-direkteur. Nei de skieding fan har man, dy't by elke stap de gongelstôk mei in sierlike es-bocht troch it hielal swaaide, wie se blykber út 'e midden wei band. Mar wachtsje, har man hie 'k sjoen, siet er net gewoan op syn âld plak? Doe't ik seach dat hy wól yn 'e midden sitte mocht en syn frou, dy't altyd op my wachte as ik út skoalle kaam, net, wâle de lilkens yn my omheech, sa ûnferwachts dat it bloed my nei de holle fleach en it wie krekt of joech ien my in stomp yn 'e mage.
Omke Geart foel it net op, hy glimke en frou Skelting knikte werom.
| |
| |
| |
Fjouwer
De skieding tusken de skuorre en it foarhûs bestie út in muorre dy't in oanfang naam yn de tsjustere kelder, om dan heger en heger te waaksen fia de súdkant fan de gong. Giest nei de skuorre, dan koest sjen dat de tûzenen stiennen in brânmuorre foarmen, dy't hieltyd minderjend útrûn op 'e naai fan de skuorre.
Oan de bûtenkant fan it klompehok, neist de doar, wie in trep, sadatst op de foarsouder komme koest. Om't de pleats oan 'e noardkant sa breed wie, wie de souder dat fansels ek, al wiene de east- en de westkant ticht timmere. Hjir seachst de sliepkeam-merkes, oan beide kanten twa. Oan de eastkant dy fan ús. Ik sliepte yn it keammerke dat mei de hoeke tsjin de brânmuorre oan set wie, it twadde wie mear in útfanhûzerskeammerke, dêr't wat rommel stie. Oan de oare kant dreamde muoike Gel fan har nautyske leafde, de earste stjoerman Harrie Boven. Omke Geart sliepte net yn de oare sliepkeamer, mar únder yn it tuskenkeam-merke en fan wa't dy dreamde, waard pas letter dúdlik.
Wat oerbleau wie in timpel. In timpel mei wenplak foar ‘it paleis’, beppe har omskriuwing foar it hokje dêr't arbeiders as Sjoerd in wink yn 'e eagen krije koene. In bêd, in stoel en in taffeltsje mei in waskkom, dat wie it wol sawat. In kast hearde der ek by, mar dy stie gewoan op 'e souder. In timpel foar alles dat fierder oer wie, mar noch te goed om wei. In soad guod stie of hong hjir te wachtsjen op de jongste dei of - as it noch brûkber wie - op de heuchlike gloarjedei fan de befrijing. Dit gie dan benammen op foar de flaggen en trije oranje molkbussen, dy't ris brûkt wiene by de optocht op de troudei fan Juliana en Bernard. Stikkene oaljelampen, mar ek in pear geve eksimplaren ‘foar as de elektrike stroom útfalt’, kowetekken, in rustige tjems, hynstereau, in prikslide en bosken tou, dy't oan 'e balken hongen neist de oaljelampen en de mobilisaasjekiste fan J. Nauta, dy't mei west hie nei Eindhoven, want dêr hie pake fan 1914 ôf de fijân in stikmannich jierren bûten de doar holden. Dreech wie it net om
| |
| |
pake as soldaat foar te stellen, want in pear dingen soargen derfoar dat pake syn definsive ynspanningen opnommen waarden yn it mienskiplike ûnthâld fan de famylje Nauta.
Geregeldwei liet pake in skiere foto sjen mei in ploech maten. Hy stie op de twadde rige, tredde fan rjochts, mar dat moast der dan wol by ferteld wurde, want earlik sein, gjinien wie by steat en sykje him derúk, sa ûndúdlik wie dat printsje. Fierder hie er de fermaaklike gewoante by alles en noch wat te saluearjen, fral as beppe wat tsjin him sei.
‘Jappe, ite!’
‘Aiai, kaptein!’ en dan sprong er yn 'e stramme hâlding fan de betûfte militêr, dit ta grut fertriet fan beppe, want dy hie der net altyd nocht oan. Ek heit skamme him leau 'k wolris wat, mar ik fûn it altyd prachtich, wat - tink ik no - in fikse stimulâns foar pake wie.
Dy mobilisaasjekiste wie perfekt mei besidekrûp. Harm en Ale sochten har bûnt en blau, mar funen Jacob Nauta noait fan syn libbensdagen en in lûdsje meitsje woe ik net, dan soene se my de folgjende kear samar fine. Der wie sels in kear dat ik hast wol in oere yn dat ding siet. Stiller en stiller waard it, mar ik sei neat. Pas nei in oere doarst ik foar 't ljocht te kommen. Ik socht en socht, mar heit sei dat Ale en Harm al nei hûs ta wiene, it wie hast fiif oere en de sinne leaude it wol.
Ik gie werom nei de foarein, klattere by de trep op en oer it klompehok rûn ik de souder op. De kiste stie noch iepen. Hoeden pakte ik it tou dat as hânsel bedoeld wie en liet it frij swiere deksel sakje. It skimerljocht dat troch de twa dakruten nei binnen foel, treau it ljocht fan de keamerslampen noch werom de keamers yn, mar it duorre net lang of de earste giele stâltsjes woeksen as lytse skimmelplantsjes op de glêde souderplanken. Beppe hie dan it lytse lampke oan, want ‘elektrike stroom’ wie net om 'e nocht. Yn 'e regel wiene it mem of muoike Gel dy't de grutte lampe oanknipten, steefêst folge troch in protest fan beppe har kant.
| |
| |
‘Moat dat no al, ik sjoch it noch bêst.’
‘Mem hat maklik praten.’
‘Mar jim witte net wat stroom kostet!’
As beppe it echt op 'e heupen hie, koe der noch in wiidweidige berekkening folgje oer de ekstra ûnkosten dy't it healwize gedrach fan de jongere generaasjes tewei brocht. Mar beppe koe prate wat se woe, de grutte lampe bleau oan.
| |
Fiif
Der wiene yn dy tiden manlju dy't mienden dat de wrâld mei alles derop en deroan ôfhong fan hár besluten. Wa besleat Oer te ferlitten en dwars troch woestinen hinne te sykjen nei in lân oerrinnend fan molke en huning? Wie dat net Abraham? Wa joech namme oan de bisten yn it paradys? Wie dat net Adam? Wiene pake, heit en omke Geart soms froulju?
Mar hoefolle manlju elkoar ek fuort treaunen of sels fansiden reagen, dochs wiene it de froulju dy't by einsluten it lêste triuwke joegen. Yn 'e regel gie dat net mei in soad tonger en bliksem, mar mei fine knypkes of fan dy wurdsjes dêr't je as man mar min omhinne koene.
Sa'n memmewurdsje dat alle memmen op alle plakken fan de wrâld troch alle ieuwen hinne brûke, is ‘toemar!’
‘Toemar’ koe yn meardere betsjuttingen nei foaren skood wurde en altyd allinnich mar troch mem, beppe of muoike Gel, want dy hiene de eksklusive rjochten.
Ik kaam thús. Underweis út skoalle wei koe der fan alles en noch wat foarfalle en sa wie 't no ek. Der stie by de Stasjonsbrêge in stek, dêr't ik altyd tsjinoan skopte. Elkenien die dat - miende ik - en dus die ik dat ek. As ik de brêge oer wie, waard dat besegele mei in wâd tsjin ien fan de warleaze pealtsjes, dy't oan 'e ûnderkant al aardich skurf waarden. Nei al dy hûnderten skoppen hie
| |
| |
ien fan de pealtsjes ditkear ris wat werom dien. Myn rjochterklomp spjalte yn twaen en mei yn elke hân in stik hout en yn elk each in janktrien kaam ik by mem oansetten.
‘Wat no wer?’
‘De jonges fan de Prikkebuert ...kamen my achternei en ik h-h-hie neat dien, echt wier net mem, want ik k-k-k-aam gewoan fan s-skoalle ôf en by de brêge ha wy f-f-f-ochten en d-doe skopte ik by ûngelok tsjin ien fan dy w-wite pealtsjes, mem w-w-wit wol, en no is de klomp stikken...’
Wie dit net in prachtich ferhaal fan de grutte akteur Jacob Nauta, delset mei in soad emoasjes yn 'e foarm fan echte berne-triennen dy't ûnder it snokkerjen sa stadich en moai by de noas deldripten, dat elke mem wol fuortrane moast? Mar myn mem leaude der gjin barst fan en dat krige ik te hearren troch it iennichste wurdsje dat se sei: ‘Toemar!’ It siet him net yn har reaksje op himsels, mear yn de toanhichte, de stân fan de wynbrauwen.
Dochs koe datselde wurd, mar wat leger útsprutsen en mei wat mear klam op it earste wurdlid, in echte oanmoediging wêze. Dat ‘toemar’ sei se op sa'n manier datst der sterker fan waardst, bygelyks as der wat dreechs foar dy as bern op 'e wurklist stie.
Ik siet ris yn 'e kastanje healwei de reed, doe't ik net mear nei ûnderen doarst. Gelokkich wie ik net allinnich, Harm kaam achter my oan, mar omdat hy noch net sa heech siet, doarst er him wol sakje te litten. Ik hie al in moai skoftke yn de beam sitten, foar't Harm mei mem oansetten kaam, want heit en de oaren wiene yn 'e jirpels. Wat like mem wakker lyts, hoe soe se my derút krije?
‘Set dyn foet mar op dy tûke dêr,’ en se wiisde op de fjirde tûke fan ûnderen.
‘Toemar,’ en doe die ik wat ik oars net doarst.
Ta beslút wie der ek noch in tredde kategory: it lilke ‘toemar’, of eins ‘t.o.e.m.a.r.’, dêr't elk bern noch it measte hekel oan hie. As sa'n ‘toemar’ útsprutsen waard, wisten je dat it spul definityf
| |
| |
út wie, der wie neat mear yn te bringen, te wjerlizzen, ôf te tingjen.
Ik hie spul hân mei Ale oer in pear knikkerts.
Op it skoalplein koest by de muorre in machtich spultsje dwaan. Earste moasten je in tsjinstanner fine dy't net al te handich mei de hantsjes en net al te tûk mei it holtsje wie, in kombinaasje dy't frij faak foarkaam, teminsten by ús op it skoalplein. De folgjende stap wie in goed stikje muorre te finen foar it spultsje sels. Net oeral leine de tegels like flak, der wiene plakken dêr't se in bytsje oprûnen, wat in grut foardiel wêze koe, fral as dyn tsjinstanner neat wist fan dy hichteferskillen. It gie der ta beslút om dyn knikkert tichter by de muorre te rôljen as de oare. Slagge dat, dan mochtst him hâlde, oars wiest him kwyt. Om it noch wat yngewikkelder te meitsjen, wie net elke knikkert like folle wurdich, guon knikkerts koene wol stean foar fiif oare. Benammen glêzen knikkerts wiene yn dy tiden goud wurdich, soms wol tsien kear safolle as gewoane klaaiknikkerts, want dy hie elkenien.
Ale en ik hiene spul om sa'n glêzen knikkert en it wie der om wei gien. As echte freonen hiene wy elkoar út skoalle wei sa flink bebikke, dat it bloed ús by de hollen del rûn.
Mei in losse tosk kaam ik by mem oansetten en doe't se ienkear wist wat der spile hie, siet der foar my net folle oars op as by de Sinaï op te gean.
‘Giest mar nei Ale ta en sis dat it dy spyt!’
‘Ja m...’
‘T.o.e.m.a.r.’, tredde kategory, gjin diskusje mear.
| |
Seis
It wie kâld doe't Ingelum ús yn it begjin fan 1942 weromstjoerde nei de pleats fan pake en beppe, glûpende kâld. In wetterkâlde wyn siigde om de pleats hinne oer de keale klaaikluten de Pein- | |
| |
zer kant út. Se hiene it oer snie en dat soe net goed útkomme mei al dat húsried op 'e wein.
‘Oars moatte der mar in kowetek oerhinne,’ tocht mem, dy't al har moaie guod al wiet en stikken seach. Mar foarearst wie it droech en de loft aardich skjin.
Pake hie in nije feint en tegearre wiene se moarns oerkommen mei de reade wein, dy't pake in tal jierren dêrfoar by de smid meitsje liet op it sjassy fan in sloopte frachtwein, sadat pake al jierren in wein mei luchtbannen hie, sels noch earder as omke Jarich en dat woe wat sizze!
‘Soa, soa,’ hie omke Jarich sein doe't er de wein foar it earst seach, want mear wist er sa gau net te betinken. It ‘soa, soa’ wie flot oernommen troch omke Geart en dêrnei troch elkenien dy't yn fiergeande steat fan fernuvering ris wat oars sizze woe as ‘nono’ of ‘jaja’ en tagelyk fan de gelegenheid gebrûk meitsje woe omke Jarich, dy't altyd wat op de Nauta's oan te merken hie, in feech út 'e panne te jaan.
No hoegde it reau, dat by de pleats hearde, foar it grutste part net mei, mar dochs seach heit kâns yn de pear jier dat wy te Ingelum taholden, noch aardich wat by te keapjen, sadat de beide weinen dy't foar it ferfarren brûkt waarden, it lang net hâlde koene. In ferrassing wie dat net, de manlju - wêrûnder ik - hiene ôfjpraat dy deis twa kear te riden. Mem helle de kasten leech, it bêdeguod moast mei, de kasten fansels, tafels, stuollen en wat al net mear.
Ik krige dy dei frij fan skoalle, in feestliker optocht koe ik my hast net yntinke. Pake en syn nije feint foarop, heit en ik der achteroan, mem bleau earst noch yn Ingelum. Op skoalle hie ik wolris in boek lêzen oer in professor dy't in apparaat makke dêr't er mei yn 'e tiid reizgje koe. Dan stapte er yn dy helske masine, in protte leven, in soad reek en op 'e teller koe er dan sjen yn watfoar tiid er no wer bedarre wie.
Sa'n gefoel hie ik ek. It gefoel fan it paad werom, werom yn de tiid, werom nei in plak dat ik achterlitten hie, in skiednisboekje
| |
| |
dat út wie en dat ik no noch in kear lêze soe. Doe't ik nei Ingelum oergie, wie ik acht, no hast alve, it ferskil fan nacht en dei, fan bern en man. Jacob Nauta wie it libben treast, hy hie byleard - fûn er sels - en hy wie net fan doel en lever je dat manlike gefoel samar wer yn.
Pake wie âlder wurden, folle âlder as de pear jier dy't it eins mar wiene.
‘Foar bern en âlde minsken telle de jierren dûbel,’ sei mem wolris. Wiis praat, mar ik koe sokke opmerkings al aardich neikomme. Logysk, ik koe ommers hast fan skoalle en as je dan noch net meiprate koene, dan waard it noait wer wat.
Dêr rieden wy, de Nauta's, oer Marsum, Deinum en Dronryp, ûnderweis nei in healsliten takomst dy't al lang en breed achter us lei. Underweis, doe't ik pake syn nije feint laitsjen hearde, tocht ik even dat it omke Geart wie mei syn fiten. Omke hie my oars al lang troch de hannen hân. Ik wie der wis fan dat er my boppe de holle tild hie om my fleane te litten mei de earmen wiid, heech as de kâlde blauwe loft fan in wintermoanne yn 1942. Ik hie it útraasd fan de spanning, ferwûndere de fine skuorkes tusken de hege wolken befield en as ik wer mei beide fuotten op 'e grûn stie, soe er in grapke meitsje troch syn spierballen yn it laad te dwaan en dan te sizzen fan ‘poppetje gezien?’ en ik mocht it sechje útpûste mei ‘kastje dicht’, want wie ik net syn Dzjekkyboai?
Ik siet wat op de wein foar my út te glimkjen, doe't heit hook-strooks syn hân op myn knibbel lei.
‘Hast der noch wat sin oan, Jacob?’ frege er.
Dat wiene foar heit syn dwaan in hiel soad wurden achter elkoar. Wat moast ik sizze? De gedachte oan omke hold ik mar foar my.
‘J-ja hear,’ sei it bibberige antwurd.
‘Bist kâld?’
‘Falt wol ta,’ mar heit wreau myn knibbels, myn rêch en ik woe dat er altyd sa trochgean soe.
| |
| |
Mar heit moast menne, heit hie altyd wol wat te dwaan en dêrom hold er te gau wer op. Dat koe ek wol, sa kâld wie ik no ek wer net en oars koe ik mysels wol waarm wriuwe.
De hynders fjouweren yn ien kear troch. Foar't ik der erch yn hie, batsten wy al oer de holle planken fan de Stasjonsbrêge. Guon stutsen de hân omheech en doe't se seagen wa't dêr hinne rieden, seine se: ‘Soa, soa, dêr ha wy Gosse Nauta mei de soan, ek werom op it âlde stee, nojuh, nojuh!’
Dêr wie de kastanjebeam, ik seach omheech nei de sechsde tûke, want heger mocht ik net, mar no like it my ta dat dy tûke eins hielendal net sa heech siet. Ek it hiem like my net al te grut. Yn Ingelum wie ik wend oan in baas pleats, mar dit hjir wie werklik te lyts foar alle wurden dy't ik betinke koe.
Ik siet op de wein neist heit, seach om my hinne en besocht elke stien, elk wurd, elk byld oant yn it lytste detail te bewarjen om se letter nochris fan alle kanten te hifkjen, te besjen en út te meitsjen oft it werklik de muoite wurdich wie sa'n ein werom te glydzjen op de glêde tiidbalke. Sa haw ik it ommers altyd dien. Steefêst bewarre ik de mominten dy't it ûnderskie makken. Blidens, fertriet, fernuvering, alles lei ik hoeden yn doaskes, as de aaien dy't ik op watten lei yn in âlde skuondoaze, kreas op rychjes, soarte by soarte, kleur by kleur. Ik ûnthold de útdrukking op gesichten, de toanhichte fan stimmen, de echo fan it tsjerke-oargel, de skuorren yn rútsjes. Neat bleau ferburgen foar myn skerp each, myn iepen ear. Alles soe ik bewarje, ik soe derop passe, oant de dei kaam dat ik der in betsjutting by betocht, oant ik de dingen teplak hie en as it safier wie, dan koe alles wol fuort, want ik begûn mei neat en sa woe ik einigje. Dêr wie beppe, mar op har koe de tiid gjin greep krije. Kantich stie se yn de skuordoar te wachtsjen, krekt of hie se der al dy trije jier sûnder muoite stien, oant wy op stive skonken nei binnen skeuvelen.
‘Aa, dêr wiest al!’ en se roste my mei de waarme hannen oer de wangen, dy't suver pears útskynden fan de kjeld.
‘Hoe is 't, jonge?’
| |
| |
‘G-goed, beppe...’
‘De kachel brânt, kom der mar gau yn, en jim ek, earst mar wat kofje, tink?’
No wie 'k wer thús, ik stapte by it trepke op en de muorren fan de gewoane keamer glieden as in smûke jas om myn smelle skouders.
‘Kukeleku, wat is 't kâld,’ stinde pake. Wy seinigen de hite kachel mei iepen hannen, dronken surrogaat en ik dronk mei, wie ik net âld genôch?
Wat ûnwennich strúnde ik de oare deis troch de skuorre. Oer ien fan de bynten hongen de ringen fan omke Geart, se waarden net mear brûkt. By 't simmer wuolle er se altyd om dy balke, oars hiene de manlju op de heaweinen der lêst fan, mar as de dagen ynkoarten, helle er se mei de healjedder nei ûnderen ta. Hy koe allegear keunsten, omke wie in echte akrobaat. Ik mocht der ek wol oan hingje, de touwen koene fersteld wurde.
It leafst hong ik op 'e kop. De skuorre wie dan in boat, in hiele grutte boat. Ik wie kaptein en stjoerman tagelyk. Wy wiene op see en der waaide in baas stoarm. De wyn boaze hieltyd fierder oan en de pleats batste oer de woeste weagen. Om it echter te meitsjen, begûn ik te soeien, heger en heger. De wyn sloech it wetter tsjin it omkearde dak, de bynten kreaken, it reid ûnder de pannen waard wiet, dochs wie ik net bang. Ik wie ommers feilich, omke syn sterke hannen setten my werom op de stevige skuorreed. It wie mar in spultsje, in spannend spultsje. Ik soe heit freegje dy ringen nei ûnderen te heljen. Dan koe ik wer op 'e kop hingje en yn dy kâlde skuorre koe ik dan ek nochris weromtinke oan omke Geart.
| |
Sân
Der binne dagen dy't in eigen plak op de kalinder ynnimme, dy't je in minskelibben lang meitôgje en dy't pas yn it ferjitten reitsje
| |
| |
as it tiid is de houten jas oan te lûken. Op sneon 13 juny 1942 - it sil wol op de middei west hawwe, ik wie thús - kaam in ûnbekend persoan de reed op rinnen om noait wer fuort te gean.
‘Goedemiddag jongeman, mag ik je vader even sjpreken?’
Ik wist net goed wat ik sizze moast. Dat wie ek wat lestich, want ik hie in wipplanke dwars op in ein balke lein en ik besocht op myn lytse fyts - ik hie wol in gruttere, mar dy hie heit ut elkoar helle - deroerhinne te jeien. It grint lei al mear as trije jier op de reed, mar it wie noch dreech genôch gong te setten en kom oer dy rotplanke. Myn doel wie derby op te kommen, op de helte stil te stean, te genietsjen fan myn macht oer de swiertekrêft, de planke te kanteljen en dan mei faasje nei ûnderen ta, te kearen en dan samar troch, sûnder dat ik fan 'e fyts ôf hoegde. It wie al seis kear hast slagge, dat no moast it wêze. Ik makke gong, strûsde omheech, stjoerde ferkeard, knalde op 'e dwarsbalke en klapte foaroer yn it bitefjild neist de reed.
‘Goedemiddag jongeman, mag ik je vader even sjpreken?’
Ut in krâns fan biteblêden wei koe ik net folle mear sjen as it gesicht fan in net al te grutte man, dy't ik noait earder seach. In fikse snor drukte de mûle wat fuort yn in dûbeld kin en hold de rûne wangen op spanning, wêrtroch't om de eagen hinne by elk wurd de hûd omtearde. Doe ferskynden ûnder yn it byld de fjouwer eagen fan in twakoppige hûn, nijsgjirrich wachten ek sy op myn antwurd.
‘Goedemiddag jongeman, mag ik je vader even sjpreken?’
‘Ja, maar die... Ja, achter... Ja, maar die is achter het spoor!’
Sa, dit wichtige antwurd wie sein. Allinnich op skoalle en yn tsjerke by dûmny Schaap hearden je Hollânsk, yn it wyld kaam dat sa faak net foar. Ik klaude wat knoffelich oerein, wreau de knibbels en luts it fytske de reed op, sadat ik teminsten wer wat op de man like dy't ik sa stadichoan wolris wêze woe.
‘Mijn vader is in 't hooi!’
Ik sei it wat lûder as gewoan, dy man prate wat raar en dan moasten je wat dúdliker wêze, krekt as by dôve, âlde minsken. De
| |
| |
man fielde him net op 't gemak, seach om him hinne en frege oft it goed wie dat er even yn 'e skuorre wachte, dan mocht ik heit wol ophelje ‘...als je zo vriendelijk wilt zijn...’
Dat woe ik wol, mar wie mem ek goed, want heit wie ‘aan het werk’ en dêr koe er min by wei. It hea wachte no ienris net op moai waar, oarsom ek net, dat moast sa'n man dochs begripe, al wie er dúdlik gjin boer. En der moast ek noch molken wurde, dat wie dochs ek wol nei te kommen? Amers moasten bjind, keallen boarnd, de bussen rûnen net út harsels nei de dyk ta en de biezem prakkesearre der net oer en fei sels de bûthúsflier. De oare dei wie it boppedat ek noch snein, dus hjoed dien wurk, menear! Dit sei ik fansels net, dat wie fierste folle yn ien kear, mar ik tocht it wol, net letterlik presys sa, mar it kaam yn 'e buert. Boppedat koe ik no moai meirinne en as dizze menear mei mem prate, wist ik teminsten ek wêr't dit om gie, want my waard lang net altyd alles ferteld, dêr wie ik wol achter. Ek dy gedachte kaam sûnder al te folle wurden by my op, mar tûk wie it wol om sokke dingen foarút te betinken. As je soks letter beprakkesearren, wie it meastentiids te let.
Ik seach bewûnderjend nei de twakoppige hûn oan it strakke tou en frege hoe't er hjitte.
‘LeviStrauss,’ sei de man, ‘...en ik heet Joop, nou ja... Job, wat je maar wilt, en hoe heet jij?’
Ik stuts de hân nei him ta - dat die ik dochs mar, ik koe wol wend wêze mei frjemden om te gean - en stelde my foar.
‘Jacob, Jacob Nauta,’ sei ik grutsk.
Mem wie yn it hôf by de line om de droege wask binnen te heljen. Ferwûndere seach se om nei my, man fan alve jier, alles ûnder kontrôle, Jacob Nauta mei yn it sok in Joop of Job of soks-sawat, dy't wat woe en in twakoppige hûn hie mei de wol hiel ûngewoane en hast net te ûnthâlden namme LeviStrauss.
‘Wat sil dit,’ frege mem har mûle, doe't wy om beppe har hinnehok marsjearden.
‘Kwààà?’
| |
| |
De barnefelders skrokken ienstimmich doe't se de hûn seagen. Tagelyk besochten se de hinnetrep op te stowen, wat net folle doel hie, wy wiene alwer meters fierder en Job of Joop hits de hûn gewoan mei. Ik woe noch wat sizze, mar der waard al gjin acht mear op my slein.
‘Mevrouw, u kent mij niet, mag ik mij voorsjtellen?’
Ditkear sei er fan ‘Joop de Witte’ en ‘Job’ waard net mear neamd. Mem fûstke en wachte ôf. Sa diene je dat dus, neat freegje, neat sizze, gewoan ôfwachtsje, dan kaam de rest fansels wol. Ik miende altyd dat ik krekt as Harm altyd mei in soad omhaal fan wurden antwurdzje moast, sa waard dat ek dien yn 'e taal- en lêsboekjes op skoalle. Ik naam my foar dy manier fan dwaan op te slaan by de oare Manieren Fan Dwaan, dan koe ik yn sokke situaasjes tenei ek út 'e fuotten.
De man socht syn wurden earst yn it gers, mar dêr leine se al net mear, se hongen boppe him yn 'e loft, tusken pake syn ûnderbroek en beppe har himd, want dêr stjoerde er syn eagen op ta doe't er sei: ‘Ja, ik zoek aigentlijk een plaats voor die nacht, met uw welnemen!’
‘Ja, dat moet ik even overl...’
‘Natúúrlijk, natúúrlijk, mevrouw, ik heb alle begrip!’
‘Jacob, kinst pake of heit even helje, sis mar dat der ien is.’ En dêr gisele ik - ‘kwàà!?’ - om it hinnehok hinne oer de kolk nei it lân en doe't ik noch kilometers fan heit-en-dy ôf wie, stie de loft al stiif fan myn roppen en razen.
‘HEIT! PAKE! DER IS IE... HEIT, DERIS...!!! PAKE...’
Mei oare wurden, der wie, dat hie 'k goed yn 'e gaten, wat wichtichs en it spile him ôf by ús op it hiem, yn it hôf en op de skuorreed fan pake syn pleats, dy't mei in pear jier uzes wêze soe om't heit syn broer der net mear wie. Heit, pake en Sjoerd seagen raar op doe't ik tusken de opers troch de Hege Seize opstode. Heit sei wat tsjin Sjoerd, doe tsjin pake en allebeide moasten se laitsje, mar dat soe net lang duorje.
Ik waard dûm.
| |
| |
Der.Wie.Ditkear.Wat.Oars.Te.Rêden.Ferdomme.Hâld.Dus. Op.Mei.Dat.Stomme.Laitsjen.
Dy wurden wiene in gedachte, mar yn dit gefal sa letterlik as letters wêze koene. Dat flokwurd fan Sjoerd kaam no goed fan pas, want flokke hie 'k opnommen by de Manieren Fan Dwaan, sûnt ik der by wat slaggerij mei Henkie út 'e Julianastrjitte aardich súkses mei hie. Pûstend en blazend makke ik dúdlik wat der te rêden wie.
‘DER IS IEN...’
‘Hn?’
‘IN KEARDEL MEI...
‘Wat sei...
‘... MEI IN SNOR... HUN’
‘Foar heit?’
‘NEE, HY WOL SLIEPE BY...’
‘Wat seist no?’
‘IN KEARDEL WOL SL...’
‘Ja, sis no ris wat der is!’
‘IN KEARDEL WOL SLIEPE BY MEM!’
‘Hrumpf??’
‘YN 'E SKUO...’
Sa, no lake der net ien mear! Blykber hie ik aardich dúdlik west, want heit en Sjoerd smieten de heafoarken del en stoden noch hurder as de gekken út it gekkehûs yn 'e stêd op hûs oan. Pake stie yn bestân. Earst soe er by de Brune Bels bliuwe, mar doe't ik heit en Sjoerd achternei soe, tocht pake dat er dochs mar fan 'e heawein ôfkomme moast om nei hûs, want ‘je witte mar noait!’
En dêr siet er no, Jacob Nauta, dy't sa moedich as in alvejierrige held mar wêze koe, alaarm sloech doe't er samar in frjemde keardel mei in twakoppige hûn de âld grintreed opkuiere, wylst hy as boartsjend bern gong makke op in âld en fierste lyts bernefytske, omheech strûsde by in wipplanke op, ferkeard stjoerde, op 'e dwarsbalke knalde, foaroer klapte yn it bitefjild neist de
| |
| |
reed en dy't no allinnich mei in hynder en in healfolle heawein achterbleau, sûnder dat er ek mar yn 'e fierste fierte wist wat him ôfspile oan de oare kant spoar. Ik tink dat ik sa'n fiif minuten wachte, foar't ik it beslút naam dan sels mar mei wein en al nei hûs ta te gean. Bynpeal en tou leine yn 'e greppel, mar de wein wie noch mar healfol, dat safolle soe der net ôfnukke, tocht ik.
‘Hui, hui, foarút do!’
Mei de losse leie sjuttele ik, it hert boppe yn 'e kiel en it bloed op hûndert graden, nei hûs ta en ik hope mar dat ik it spoar oerkomme koe sûnder de trein fan Ljouwert nei Harns te treffen.
Stadichoan krûpte it spoar mei de snelheid fan it ljocht op my ta, foar't ik it wist stie ik op it tiksel de Harnzer kant út te dikerjen, mar de wolken dy't oan de loft plakten, wiene echte wolken. De Bels sette oan en skuorde de kreakjende heawein de reed op.
Wat in oerwinning! Fansels hie 'k wolris faker oan 't hynste-mennen west, mar dan altyd mei ien derby. Allinnich en dan ek noch oer it spoar, in fjoerproef dêr't sels pake in hekel oan hie. Wiene Harm en Ale en de hiele stêd der mar om te sjen hoe't ik like allinnich op hûs oan ried, mar de iennichste dy't achterhûs stie wie Sjoerd, dy't krekt in hân útstuts nei LeviStrauss doe't er my seach en fuortdaliks op my ta spatte:
‘Wat bistû potdomme oan it dwaan?’
De glâns fan myn prestaasje ferblikke yn in tel, wat hie ik dien? As Sjoerd al sa begûn, hoe soe dan de reaksje fan heit wêze?
‘Ja, ik tocht...’
Sjoerd sei: ‘Hast niks te tinken, hiest wachtsje moatten, idioat!’
Mar de idioat Jacob Nauta woe op hûs oan om neat te missen fan it spektakel dat by him thús plak fan en je wiene wol in hiel grutte sokses as je dan mar wat by de Bels op de Hege Seize wachten oant ien as mem sa helder wie te freegjen: ‘Wêr is Jacob eins?’
Sjoerd snapte dit wurdleas boadskip: ‘As jim heit freget wat foar healwize de wein ophelle hat, no ja, ... sis dan mar dat ik dat wie.’
| |
| |
Ik stode de skuorre al yn, fleach hast by de twakoppige LeviStrauss op, batste troch it klompehok, fage de sokken net, spatte ta de keamer yn en om de yndruk te jaan dat ik net nijsgjirrich wie, rûn ik sa kalm mooglik nei de tafel ta, dêr't elkenien omhinne stie en siet. Heit draaide de holle nei my ta.
‘Moatsto net op de Bels...’
‘... Sjoerd docht it...’
Oan tafel siet de man te skriuwen op in kefertsje, beppe stie achter him, mem siet derneist en de oaren krongen deromhinne. Ik fersette Jacob Nauta sa't de stikken by in skaakspultsje ferset wurde, evenredich, mei ferdrach, mar mem trape der net yn. Staf-en-af hong se my foar de noas, oer de bekling fan de stoel, dêr't se op siet.
‘Jacob,’ sei se hast flústerjend, mar mei in nidige ûndertoan, ‘help Sjoerd mar eventsjes, dan komst strak mar yn 'e hûs.’
‘Mar ik...’
‘T.o.e.m.a.r.’
Tredde kategory? Ik leaude myn earen net, wat hie 'k ferkeard dien? Mar ik seach de strakke mûle, de strange eagen, der foel net oer te praten. Ik pakte myn siel ûnder de earm en sljurke ta de keamer út.
| |
De ljedder
Fierder moat er, fierder wol er, no noch wol. It is feilich, it joadeplak kit der fredich hinne, djip ûnder him. Hy drukt it liif tsjin de ljedder oan en begjint oan defolgjende delstap.
Hy is sa benijd nei wat er fine sil, nei hoe't it fiele sil as er strak klear is, as de stiennen lizze. Sil er him riker fiele? Of krekt leech, as er Job en de oaren hjir achterlit?
Hoeden lit er him sakje op it wat hegere rântsje grien, sadat er rjocht foar har oer sit. Hy wol net dat se hieltyd by him opsjen
| |
| |
moat - makket er himsels wiis - mar eins wol er har rjocht yn 'e eagen sjen. Se binne brún, mei in tûfke grien om de pupillen hinne, eagen om yn te fersûpen, tinkt er en tagelyk fersmyt er de gedachte dat soks no even net tocht wurde mei. Se wachtet geduldich, sjocht syn wat wyldige prúk griis hier boppe it ferhearde gesicht. Nei sokke gesichten sjocht se mei nocht, elk ûnderdid hat libbe, fan alles meimakke, hat in eigen ferhaal. It docht har tinken oan in âlde buorman, dy kin ek sa ferstuivere sjen.
‘Sjoch, wy wennen dêr,’ en hy wiist nei it noarden.
‘Wa...wy?’
‘Pake en beppe, in muoike, in omke en ik mei heit en mem. Wêr't no dat fabryk stiet, stie doe in pleats, mar dy is al lang sloopt. No, yn 'e fjirtiger jierren, yn 'e oarloch dus, hiene wy in ûnderdûker, in Job, en dy wol ik wolris ferjitte, dat...’
‘Ferjitte?’
‘Der binne dingen dy't je leaver ferjitte...’
‘Is dat net wat oan de lette kant?’
Dat is wier, tinkt er, se hat gelyk. Wêrom hat er in libben lang wachte mei dit ferjitten? Wat is er oars as de sipel fan de ieu? Net dat er ivich en altyd oan dy healwize oarlochsjierren weromtocht hat, dêrfoar hie er in te drokke baan. Achternei kinst miskien sizze dat er it jier 1942 fansiden holden hat. By útsûndering hat er der wolris oan weromtocht, mar dan altyd yn it algemien, noait konkreet en de dingen fan Job koe er net oer de lippen krije. Dat woe er ek net, wa soe begripe kinne hoe't dat yn dy jierren wie?
‘...Better let as net, moatst mar tinke.’
‘Wie dy Job dan sa bysûnder?’
‘Tsja, wannear is ien bysûnder? Ik tink datsto him hiel gewoan fûn hiest, mar ik dus net. Ik wie noch mar in bern en...’
Hy fertelt oer de dei dat Job it hiem oprûn en se laket as se heart hoe't Jacob op 'e kop yn it bitefjild bedarre, nei't er besocht hie oer in wipplanke te jakkerjen, hoe't er gong set hie en doe't
| |
| |
er wer by syn sûp en stút wie, Job fear it earst sjoen hie yn in halo fan biteblêden.
‘Moatst dy ris yntinke, wy besochten yn dy tiid alle ellinde fan de oarloch bûten de doar te hâlden en dat slagge ús, want wy hiene amper lêst fan dy Dútsers. Sil ik dy ris wat sizze, ik koe bêst mei dy mannen, se diene my neat en ik hie mysels wiismakke dat it allegear wol wer oerdriuwe soe. En doe kaam Job en dy frege oft er by ús bliuwe koe. Yn ien klap wiene dy Dutske jonges fijannen, snapst wol? Doe't job by ús it hiem opstapte, begûn de oarloch... en witst wat it slimste wie? Ik hie neat yn 'e gaten!’
Hy stiet yn syn leech hûs. De ruten binne feroare yn hege, brede gatten, dy't it grutste part fan de foartún en de strjitte dêrachter ynslute. Hy fielt him in frjemdling, in gast yn it útklaaide hûs dêr't er him thúsfielde. Skerp falt it ljocht nei binnen ta, strykt by de muorren del en jout ûnferbidlik oan wêr't de skuorren yn de westmuorre en de bulten yn it stúkwurk sitte. De plakken dêr't meubels stiene, wurde nochris ekstra útljochte. Allinnich de silhûetten op it gruzige behang binne sichtber bleaun. Hoefolle wurk hat er net hân om al dy dingen in plakje te jaan. Yn de earste jierren like it wol of stie it guod yn 'e rige om yn dit hûs útstald te wurden. Dit hûs, in arke fan Noäch, mar dan foar de meubels fan syn famylje. De âldelju fûnen in plakje yn it tehûs, it earste guod stie yn Bussum foar de doar. Doe kaam de dea, earst syn heit, letter mem. In nije skifting folge en wat te moai of te dierber wie om wei, koe rekkenje op in plakje yn it royale hearehûs. Eigen dingen kamen derby, krekt salang oant de wenning fol stie. Hy seach it as ferried om alles fuort te dwaan. Moast er de kast fan omke Geart dan ferkeapje, of beppe har âlde tafel? Hy koe it yn dy tiid net oer it hert krije.
It siet him net allinnich yn it guod sels, of it ferhaal dat derby hearde, it kaam miskien ek wol om't er syn famylje sa fluch kwytrekke. Hy wie noch mar amper yn 'e tritich, doe't er allinnich syn mem noch oer hie.
| |
| |
‘Ik hâld de flagge heech,’ glimke se tsjin de werklikheid yn.
‘En oer net al te lange tiid komsto om him oer te nimmen!’ sei se der achteroan.
‘Hoe bedoelt mem?’ frege er ûnnoazel.
‘...Do begrypst my wol, Jacob, do begrypst my wol...’
Yn de stilte dy't folge, pakte er har by de hân, in hichtepunt yn har ferhâlding, want sa faak lit in Nauta oan manljuskant him net yn 'e kaart sjen. In skoftke letter ferstoar se yn har sliep, krekt as syn heit.
Doe't er syn âlden kwyt wie, betocht er pas hoefolle fragen der noch oerbleaune, hoefolle antwurden der noch los omswalken yn de tsjustere steechjes fan syn ûnthâld. Wêrom luts er de mûle net iepen as er de kâns hie? Ivich en altyd wie er te let mei sokke dingen. Hy wist it fan himsels, earst neitinke, nochris de dingen hifkje en alle katten fan de hiele wrâld út de beammen sjen om der dan achter te kommen dat er de trein miste en ferwezen op it perron fan syn gedachten achterbleau. Dit hûs hat er al nei in jier kocht. Goedkeap wie it net, mar om't de famylje sa kreas op 'e tiid in plakje hegerop socht, kaam der aardich wat jild los. It hearehûs yn de rêstige bûtenwyk wie oars fansels net te beteljen, no koe it. Wat in weelde troch Bussum te riden om al dy djoere huzen te besjen. Dit hûs wie it, fuortendaliks. De moaie giele stien, it glês-yn-lead, de prachtige tún mei de skadige beammen, alles wat in hûs mar hawwe moast, wie hjir foarhannen. Hy glimke doe't de makelder hoeden de priis neamde.
‘Kein Problem,’ hat er sein en sa wie it.
Mei de earste jierren yn Bussum wie net folle mis. As learaar Dútsk hie er in prachtige baan. Net dat de bern allegear sa'n nocht oan syn fak hiene, mar hy hie enerzjy genôch om se dertroch te skuorren. Hy hie aardichheid oan syn wurk, amper yn 'e gaten hoefolle it fan him naam. De floed fan gearkomsten, besprekkingen en kursussen wâle oer him hinne en oeral die er
| |
| |
oan mei. Doe't er seach dat er sa net trochgean koe, wie it al te let. It waard dreger de learlingen mei te krijen. Kaam it fan syn fak, fan himsels? Hy waard op 't lêst âlder, al wie er noch net iens fjirtich. Of feroaren de bern? It like wol of wiene se net mear foarút te brânen. Fansels, der wiene útsûnderingen. Fan dy bern dy't je echt berikten mei in moai gedicht, in ynklonken rigel of in wurd dat krekt op it goede plak stie.
Op dy bern dreau syn bestean as learaar. Alles die er foar har. Oeral sleepte er de boeken wei om se mar te jaan wêr't se om fregen. In bondel fan Rilke? In fragmint fan Goethe? Miskien wat fan Böll? Se koene krije wat se woene, hy libbe derfan op as der wer sa'n jonge of famke by him yn 'e klasse siet. Oan de oaren, dy't der wat ferfeeld by hongen, hie er minder boadskip. Oars sloofde er him út, paste er it nivo oan en dat allegear om se mar mei te krijen. Mar dat hat west. No liet er se mar en geandewei waard er hurder. Hy stjoerde se fuort of liet se sakje foar in tentamen, krekt salang oant de learlingen bang foar him wiene, foar syn skerpe útfallen, syn min sin. Doe't er snapte dat er wat oars moast, koe it net mear.
Hy luts him werom yn 'e Dútske literatuer, wenne yn gedichten en ferhalen. Stêd en lân strúnde er ôf om âlde printingen op te keapjen. Syn boekekast barste hast útinoar fan alles dat er op 'e kop tikke. Yn 'e fakânsjes ferdwûn er fan 'e ierdboaiem. Yn in advertinsje seach er in Citroën HY fan '68 te keap stean.
It ding stie yn in garaazje fan de BB en se woene de kantige bus graach kwyt. Lang tocht er net nei. Hy koe der net allinnich yn ride, it ding koe ek moai brûkt wurde as camper. Yn de fakânsjes ried er Dútslân yn, it leafst sa fier as mooglik. Der kaam in rêst oer him, sa djip dat er der hast wol yn weisakje koe. Ek doe rûn er de antikwariaten ôf, wat wie der moaier? Mei de Citroën waard er in bekende ferskining fan Hamburg oant yn München ta. As ‘Herr Nauta’ in saak ynrûn, gie er komselden mei lege hannen fuort. Kocht er wat, dan dûkte er letterlik fuort tusken de bledsiden om dêr in beskûl te finen tsjin de hurde
| |
| |
bûtenwrâld. Tusken de letters troch seach er it libben yn it fiere Nederlân oan him foarbygean.
Hy begûn te twifeljen oan syn eigen bestean. Wat wie er oars as in bondeltsje losse gedachten, dat doelleas troch de atmosfear sweve? Hy tocht oan syn âlden, dy't op bêd giene en net wer wekker waarden. As der mei him soks barre soe, wat dan noch? Wa soe der ek mar ien trien om gûle? Se soene syn namme yn 'e krante lêze en sizze: ‘Och hea, Jacob Nauta - witst wol, dy Dútske learaar - is ek stoarn, dy is ek net âld wurden!’
Doe kantele de tiid op 'e nij, skode oer de âldere lagen hinne, as in weach dy't sûnder ophâlden oer de oaren hinne rôle. Syn taal wie net mear yn 'e moade, noch minder learlingen keazen foar syn fak, it wie ommers allegear Ingelsk wat de klok sloech. Wat er net foar mooglik hold, barde dochs. De bern waarden nóch ûnferskilliger, learden nóch minder as earder.
Hy sjocht op syn klokje. Hast al healwei twaen, de wizerkes holden gjin skoft. Hy fielt him wat oerémis, dat gepraat mei Ella hat syn hert op gong brocht en de adrenaline sjit nei alle úthoeken fan syn santichjierrich liif. Hy sjocht om en leit syn hân op it basaltblok achter him.
‘Wy sitte hjir wol gesellich, mar der is mear te dwaan!’
‘Mar wêr is dy stien yn 'e goedichheid foar...’
‘Ik sil it dy daliks wol útlizze,’ seit er, ‘mar ik moat no earst mar oan it wurk!’
Hy draait him op de knibbels en komt oerein.
‘Hoesa?’ freget se nijsgjirrich.
‘Dy stiennen yn 'e auto sille hjir wol net sels hinne kuierje, tinkst wol? Al kin ik it fansels ris besykje. Miskien dat in pear poëtyske rigels dy dingen op in idee bringe kinne. Miskien binne se wol gefoelich foar moaie wurden, al tink ik fan net.’
Ferbûke sjocht se omheech.
‘Binne der dan noch mear fan dy blokken?’
| |
| |
‘Ja...’
‘Hoefolle dan?’
‘Yn totaal sân!’
‘Wêrom sân?’ wol se witte.
‘Omdat ik dat in moai bibelgetal fyn. Dat soesto dochs witte moatte? Sân, tolve, fjirtich, mooglikheden genôch en ik haw keazen foar sân.’
Hy is wat stiif wurden fan dat lange sitten. Wat ûnhandich skeuvelet er it paad del, hoe't er ek syn bêst docht linich te rinnen. As er de doar fan de auto iependocht, floeit de waarmte him as raande tarre om it liif en it swit brekt him út. Dit wurdt noch wat as er by stien nûmer sân is. Hoe sil er der dan oan ta wêze? Mei muoite kantelet er de stien nei him ta en as er genôch fet hat, tilt er it swiere ding út 'e auto wei.
Hy bokselet werom nei de súdhoeke ta. Ella is oerein kommen.
‘Moat ik net even helpe?’
Jacob skodhollet en lit it basalt delploffe op it gers. Ferstuivere makket it swarte blok noch in slach, mar by it sjen fan syn earste maat jout er him del.
‘Hè hè, poepoe, ...dy dingen binne ...swierder as ik tocht,’ himet er en hy sjocht del op syn prestaasje.
‘Wie der gjin lichtere stien? Der binne ek wol oare formaten, moaie betonstientsjes of sa, dan koe it ek noch yn in patroantsje lizze,’ prottelet Ella.
‘Froulju binne ...ek allegear itselde, likest ...ús mem wol,’ gnysket er, ‘mar hoe sil ik se lizze?’
‘Hawwe jo dat noch net úttocht dan?’
‘Jawis wol. Earst woe ik ...in soarte fan alter bouwe, mar dy stiennen binne sa ûnregelmjittich, dat liket ...op apen. Dus ûnderweis hjirhinne betocht ik dat it wol moai wêze soe as ik dy stiennen gewoan sûnder ferbân yn 'e hoeke delmikte. Allinnich, dat stiet eins ek net, jim hawwe it hjir fierste kreas makke en dan past it net om it sa te dwaan, fynst wol?’
‘Der is noch in probleem. Hat Nauta der wol oan tocht om
| |
| |
tastimming te freegjen by de gemeente?’
Nee, fansels net! Hy hie him in hiel oare foarstelling fan it begraafplak makke. Wie it hjir net altyd in soadsje, dit fergetten hoekje lân ‘foar de deade minsken’, sa't beppe dat sa moai sei? Hy hat der noait by stilstien dat de dingen wolris hiel oars wêze koene en al hie er dat wol betocht, dan noch hie er yn 'e fierste fierte net witte kind dat de boel der as nij by lizze soe. Sjoch noris wat se mei dy muorre útheefd hawwe. Dat ding is gewoan te heech, it begraafplak liket sa wol in sarkofaach, der is gjin ûntkommen mear oan. Alles liket sa nij, it sjocht der út of binne de lju hjir noch mar krekt begroeven en is er yn in tiidmasine syn eigen berte foarby flein om ris te sjen hoe't it hjir doe hinne lei. Elk momint kinne de joaden sjongend troch it stek binnen komme om in deade te begraven, sa fielt it. Restauraasje is prachtich, mar tagelyk is dit in rare streek troch syn plannen.
‘Eh nee juh, noait oan prakkesearre. Soe dat moatte, tastimming freegje?’
‘Dy krije jo dochs net, tink ik,’ antwurdet se, ‘set mar troch, teminsten dat soe ik dwaan...’
‘Goed, bliuwt de fraach, hoe sil ik de stiennen dellizze. Wat seisto?’
Even tinkt se nei.
‘Ik soe se... Ja, ik soe se yn in sirkel lizze!’
Ofwachtsjend sjocht se him oan.
‘...Dan is it in rûne saak, in sirkel is op it lêst in symboal foar de ûneinigens...’
Hy stekt in tûme omheech en lit him op 'e knibbels sakje. De earste stien rôlet er wat nei de kant fan it gers ta, sadat der romte foar in sirkel komt. Dan mealt er in rûntsje troch seis stappen te setten, mar it komt net hielendal út. Hy rint nochris in rûntsje en draait by elke stap de hakke yn it gers om in merkteken achter te litten. Hy pakt de twadde stien en set dy ek teplak. Hy docht in pear stappen tebek om te sjen hoe't it liket.
| |
| |
‘No, wat seist derfan?’
Se hâldt de holle skean en set de hannen yn 'e siden.
‘Moai!’
Beret stiet er op 'e folgende trieme. Te lang hat er wachte, dit hie miskien al folle earder moatten. Sa komt er ommers hieltyd tichter by syn famylje, by Job en al dy oaren dy't hjir ienris omspaanden. Net dat er nei de moeting sels útsjocht, o nee, dat net! Nee, it wurdt tiid om ôf te fûstkjen, ôfskie te nimmen fan it ferline. Hy sjocht omheech, nei de dizige himel dêr't se tahâlde moatte. Wat soene se tinke fan syn tôgjen, of sjogge se syn bodzjen net en moat er der sels mar mei rêde? Hy lûkt oan 'e skouders, op dy fraach hat er noait in antwurd krigen.
| |
Acht
En hy sei tsjin harren: ‘Harrie Boven moast oerlevere wurde oan de wylde baren, kopke ûnder gean en fersûpe, mar op de fjirde dei sil er ferrize út 'e dea.’
De klap wie grut doe't it berjocht oer de earste stjoerman fan de Melba boppe driuwen kaam yn de triennemûle fan dûmny Schaap. Wy wiene al wer in moai ein yn de opgeande tiid - it wie mids april '39 - en dochs woe it mei it waar mar net opsjitte. Glûpende kâld wie it, de ljippen befrearen hast op de aaien. Tegearre mei in âlderling siet dûmny oan tafel op in ferbjustere stoel, want wa rekkene no op sokke ‘hege lju?’ Ik moast pake en heit ophelje, want dûmny woe neat sizze as net elkenien derby wie. De driging hong swart tusken de balken en dripte - ploink! - del yn de nearzige keamer en Jacob Nauta hie al ferwachte dat er net bliuwe mocht, wat goed besjoen wie, dêrom wie er al by de doar stean bleaun yn ôfwachting fan mem har boadskip.
‘It is dyn tiid, Jacob, mem komt daliks noch wol even.’
‘Lekker sliepe!’
| |
| |
Bleke gesichten draaiden nei my ta en ik wie bliid dat ik fuort koe, want dit like net goed. Myn sliepkeammerke op east wie in ein fuort, dat ik hearde net al te folle, mar genôch om te witten dat der wat mis wie, al koe ik mei gjin mooglikheid betinke wat dat wêze koe. It iennichste dat ik betocht wie de oarloch, want dêr hiene de grutten it wakker oer, mar fierder kaam ik net.
It duorre skoften foar't ik it klappen fan doarren en de fuotstappen op de trep hearde. Yn it skimerljocht like mem har gesicht noch bleker as yn 'e keamer. Se suchte doe't se op 'e râne fan it bêd sitten gie en ik wist dat wy ditkear net in ferske sjonge soene, dat ik suchte mar mei. Mem lei in waarme hân op 'e foarholle en struts myn hier fansiden.
‘Jacob?’
Ik sei neat, mem wist dochs wol dat ik wekker wie?
‘Witst noch wol dat muoike har feint hjir west hat?’
In lytse stim frege: ‘Omke Harrie?’
‘Ja, dy. No wie dûmny hjir, dat hast wol sjoen... o ja, hast heit ommers opsocht...’
‘...en pake...’
‘...en pake... no, dûmny kaam fertellen dat de boat fan Harrie sonken is, der wie in telegram... witst wat in telegram is?’
Ik knikte. Ja, dat wist Jacob Nauta: ‘In bryfke mei -stop- en allegear streekjes.’
Mem lake koart.
‘...en no skynt it sa te wêzen dat elkenien ferdronken is...’
‘Omke Harrie ek?’
‘Harrie ek...’
It waard stil. Mem seach wat foar har út, in pear triennen heinden it lêste ljocht fan de dei, blusten it en namen wat der noch fan oerbleau mei om op te lossen yn har skelk. Ik gûlde fan 'e alteraasje mei en ûntduts dat gûle mei in oar goed oanfielde. Mem fage ús wiete wangen ôf en ik wist dat ik dit byld noait wer ferjitte soe, sa lang as ik libbe. Wat ik slimmer fûn, wit ik noch altyd net, it gûlen fan mem of de wiete dea fan in omke, dy't eins
| |
| |
gjin omke wie, mar wol Harrie Boven, freon fan muoike Gel. Under hearden wy wat doarren.
‘Mem moat mar wer ris nei ûnderen ta en moatst mar wat sliepe. As it net wol, dan meist wol even by mem komme, hear.’
‘Ja mem.’
Mem kaam oerein en soe fuort.
‘It ferske noch,’ sei ik.
‘Och ja...’
Ik ga slapen, ik ben moe.
'k Sluit mijn beide oogjes toe.
Here, houd ook deze nacht,
over mij getrouw de wacht.
Noch even skynde it lampke boppe de trep ûnder de doar troch, lang hearde ik noch de lûden fan it hûs, oant it my stil waard yn 'e holle.
De oare moarns doarst ik earst net fan 't bêd ôf te kommen. No hie 'k fakânsje, dat it koe wat lije, mar ik hie fan alles en noch wat te dwaan. Ik soe... en ik soe... Mar hoe moast ik dwaan tsjin muoike Gel, hoe koe ik har ûnder eagen komme?
Doe't ik ûnder kaam, stie ik op 'e gong net sa as ferwachte each yn each mei muoike har fertriet, mar mei it briltsje fan dokter Snuf. Hy kaam mei beppe krekt fan west en mei in tikje oan 'e hoed stapte er troch de foardoar nei bûten ta. Ik snapte wol dat er by muoike west hie, dat ik bleau mar even wachtsjen oant er fuort wie, dan koe 'k my wer frij bewege.
‘Moarn Jacob,’ sei beppe en se struts my ek al troch it hier. It begûn suver noflik te fielen. Wy stapten it trepke op nei de gewoane keamer en dêr stelde ik myn earste fraach fan de dei.
‘Beppe?’
‘Mei ik strak wol even yn beppe har plakkeboek sjen?’
| |
| |
‘Wat woest dan?’
‘Ik woe opsykje wêr't omke Harrie fersûpt is...’
Ferbjustere stilte. Mem spatte op.
‘Ferdronken, sizze wy dan...’
Se skreau de wurden mei iispegels yn kâlde damp.
‘Katten en heidenen fersûpe, Jacob...,’ preke omke Geart der achteroan.
‘Mar it mei dêrom likegoed,’ fûn beppe en tsjin mem:
‘Mar goed dat Gel hjir net is!’
‘Sille wy it tegearre opsykje, of witst wol wêr't it is?’ frege omke.
Mar mem hie my fierder neat ferteld, wy wiene ommers fierste drok oan it gûlen, dat hearde sa as immen ferdronk en net fersûpte, want dat diene katten en minsken dy't net nei tsjerke giene, dêr hie God it no ienkear net op stean. Ik naam my dus hillich foar tenei goed foarsichtich te wêzen by it wibelplankje oer de sleat nei de finne, want stel je foar dat ik gjin kâns seach te ferdrinken. Dan soe 'k fersûpe krekt as de farao yn 'e Reidsee, no wist ik it, dy hie syn fertsjinne stráf krigen. Fersûpe wie in stráf en ferdrinke net, no wie it dúdlik hoe't de gedachte dêroer yn elkoar siet.
Omke lei, nei't er it blommefaaske en de kristallen jiskebak op it dressoir sette, de ‘Schoolatlas der gehele aarde’ op 'e moaie tafel. Omke syn wiisfingers leine it boek iepen en blêden de kaarten del oant wy by kaart achtentweintich wiene. Mar dy wie net nei 't sin, wy sochten werom nei it begjin, nei kaart twaentweintich, de kaart fan Frankryk.
‘Sjoch, dêr wie it,’ en syn finger navigearre nei de Golf fan Gascogne of Biskaje, want sa hiet it dêr ek wol. Ik krûpte feilich tsjin omke oan - omke rûkte sa lekker, dat kaam fansels fan it stjonkfleske - en even spiet it my dat it heit net wie, tsjin wa't ik oankrûpe koe, mar dy wie oan it wurk. Tegearre beseagen wy it skriklike plak fan muoikes tsjinslach.
‘Wêr is Harrie no?’
| |
| |
Stilte.
Mear stilte.
‘Omke?’
Noch mear stilte.
‘Sja,’ omke hakke in knoop troch, ‘ik tink ... yn 'e himel, ja ... yn 'e himel.’
Fan boppen ôf seach er my wat ôfwachtsjend oan en ik seach skean omheech.
‘Echt?’
‘Echt wier!’
‘Dan is er ferdronken!’
Ik leau achterôf net dat omke my doe begrepen hat.
| |
Njoggen
De Nauta's hawwe gjin beskiedende rol spile yn it ferset. It wurd allinnich al waard amper brûkt, want beppe seach der neat yn. Gjin wûnder, want de lju dêr't elkenien fan wist dat se wat besochten te ûndernimmen tsjin De Gek en syn maten, stiene yn 'e regel net bekend as de snoadsten. Logysk, de echte fersetslju lieten dat net rûnom bekend meitsje, allinnich de dommen diene soks.
Beppe hie heechst persoanlik in grapke betocht, dat se wolris útprobearre op de helden dy't mei in soad grut praat ferkundigen hoe't se in ein oan de oarloch meitsje soene. Se frege dan oft je wol wisten hoe't it wurd ‘fersetsman’ skreaun wurde moast. It slachtoffer seach dan earst wat fernuvere, guon woene net, want se seagen hoe't beppe har eagen skitteren en pake siet ek al wakker te gniffeljen, mar gjinien, sels dûmny, ûntkaam oan har opdracht.
‘Yn it Frysk?’ seine se dan.
‘My bêst, en sjit wat op, oars is de oarloch aanst foarby en dan sitte wy hjir noch!’
‘F-e-r-s-e-t-s-m-a-n?’
| |
| |
‘Fout!’
‘Hoe dan?’
‘D-o-m-k-o-p,’ stavere beppe de mop út, om har ferbjustere gast dy't de letters noch drok siet op te tellen, ta beslút hertlik út te laitsjen. De measten laken mei, al wie it no net echt ien fan de bêste grappen - fûn ik teminsten - mar der wiene ek dy't nidich waarden. Dat hie beppe it leafst, want sa'nien koe se dan in moai skoft ‘yn 'e bek hingje’, en rekkenje mar net dat se oerjoech.
Letter betocht se noch in fariant, al foel dy hiel wat minder yn 'e smaak. Yn pleats fan ‘d-o-m-k-o-p’ joech se dan ‘S-j-o-e-r-d’ as antwurd, want fan Sjoerd, ús wâldpikefeint en domkop dy't sa goed imitaasjes dwaan koe, sei Harm dat dy yn it ferset siet.
Earlik sein leaude ik der net al te folle fan, want by ferset tocht ik mear oan echte helden dy't krekt as yn de boekjes mei de hân boppe de helderblauwe eagen de fijân skerp yn 'e gaten holden, om ta te slaan op it momint dat nimmen soks ferwachte. De echte helden twongen by freon en fijân respekt ôf en trouden steefêst mei it moaiste famke. Sjoerd hie hielendal gjin blauwe eagen en ûnder syn neilen siet in swart rântsje, dat er fuorthelle mei de ‘herder’, want sa hiet syn bûsmes. It like my ek ta dat er eins wat te dom wie foar it ferset, mar neffens beppe har mopke wie dat krekt goed, dat ik koe de kâns ek net hielendal útslute.
Underwilens hiene de Dútsers al hiel gau troch dat de Alliearden net oer it Kanaal of de Oseaan komme soene, mar oer de Tsjommerfeart, dy't yndie yn direkte ferbining stie mei de Trekfeart en dus mei de Waadsee en dus mei de Noardsee, dêr hoegden je gjin topografysk wûnder foar te wêzen. It like my allinnich wat raar ta dat de befrijers earst fan Harns ôf in ein oer de Trekfeart farre woene, om dan fia de omwei oer de Tsjommerfeart ús de frijheid te skinken. Soks foel dochs fierste folle op, tocht my sa.
Afijn, de Dútsers hiene betocht dat der in liny oanlein wurde moast op it lân fan Berend Kúpke, dy't dêr bepaald net wiis mei wie, want hy hie krekt op dy pear pûnsmiet al jierren de keallen te rinnen en wêr moasten syn skiep no hinne? De problemen fan
| |
| |
Berend waarden drok bepraat, want pake syn lân lei der deun neist, dus dat koe noch wat wurde as de Alliearden dêr foet oan wâl setten, se soene grif it nijgers by ús ferwâdzje.
En dan lei it joadeplak noch yn 'e buert.
‘Miskyn wolle se de Joaden ek wol beskermje,’ âle beppe.
‘Mar dy binne dea!’ brocht heit dertsjinyn.
‘O ja...’
‘No ja, De Gek sil syn redenen wol hawwe!’
Beppe gniisde.
‘Wêr sit mem sa om te laitsjen?’ woe muoike Gel witte.
‘Ik stelde my foar dat se it dêr yn Berlyn oer de Tsjommerfeart hiene.’
Elkenien lake, dat soe wol frjemd spul wêze.
Sjoerd skode de stoel oan 'e kant, fage it kantige snorke ûnder de noas, plakte it stiif achteroer kjimde hier yn in hoeke fan fiifenfjirtich graden - jaja, hy die it! - oer de foarholle en begûn alderheislikst te mâltjirgjen mei in stim, dy't oktaven heger lei as gewoanlik.
‘W-W-W-AAS DI-E-D-TS-JA-A-AMMMERF-A-AR-TE-VERDAMMTN-OCHMAL...!’
Laitsje, laitsje, oant de triennen je oer de wangen rôlen, dy Sjoerd wie sa gek as in spiker.
‘No, no, sa kin it wol wer,’ bêde mem de boel del.
Troch Harm kaam ik der achter dat se my thús te fiter hiene. Wy stiene foar skoaltiid op it plein plannen te meitsjen foar de takomst.
‘Sille wy nei it oefenplak?’
‘Watte?’
‘It oefenplak!’
Dêr stie er wer: Jacob Nauta, yn folle gloarje, akteur, punte-teller en wiisnoas, dy't wer ris fan neat wist, de ûndertoan fan it healwize praat by him thús net opfoel en dus besykje moast der achter te kommen wêr't syn bêste fireon it oer hie.
| |
| |
‘Hn?’
‘By de feart! Bist al wekker?’
‘Oh, by de feart, ja, ja!’
‘Hèhè, hy is der wer, sille wy derhinne, wy kinne wol by jim oer 't lân.’
Ik telde ien en ien op, kaam op twa út, die der noch fjouwer by en pas doe wist ik wat ik eins al lang witte koe. Fansels kamen de Alliearden dy kant net om, fansels soene se der net oer prakkesearje de deade Joaden te beskermjen, soks koe allinnich betocht wurde troch Jacob Nauta, dy't dan wol as man út Ingelum weromkaam, mar dy't noch genôch muoite hie it praat fan de grutten yn te skatten sûnder der allegear healwize ynterpretaasjes oan ta te foegjen en op dy manier de safolste planke mis te slaan.
Dyselde middeis tôgen Ale, Harm en ik nei it Binnenpaad, om oer de reed hinne by de feart te slagjen. Ta ús ferbjustering wie it lân fan Berend Kúpke hielendal ôffrede mei stikeltried. In pear soldaten wiene dwaande mei in buordsje, dat se by de feart delsetten.
‘Achtung!’ stie derop, mar se joegen der neat om, mei in slaaie mepten se de peal ta de grûn yn.
‘Ha, die jungens!’ rôp ien fan de soldaten, in himpen mantsje dat de peal sa rjocht mooglik besocht te hâlden. Wy rôpen fan ‘hoi’ werom, want wy diene net mei oan de oarloch. Sy ek net, mar dat wie in gedachte fan lettere datum.
‘Hier nicht kommen!’ sei de baas fan it spul, mar dat hiene wy al begrepen, wy bleaune sekuer oan ús kant sleat. Mear wie der net te beleven, dat al gau setten wy ôf op hûs oan.
Op de reed ried de legerauto ús toeterjend foarby. Yn 'e bak sieten de twa soldaten. Doe't de sjauffeur troch in kûle batste, kipere de lytse sawat oerboard. Mei de iene hân op de helm en de oare op it sydsket wist er dat noch krekt foar te kommen, hy lake nei ús en rôp in wurd dat wy net ferstiene. Hy die my tinken oan Wibel, de piloat dy't yn Ingelum altyd nei ús swaaide as er loskaam fan de startbaan. Sa sil ik wol op de namme kommen wêze,
| |
| |
dêr't ik him mei optúgde: Wibeltsje. Net al te orizjineel, ik jou it ta. Ik ha noch wol besocht der wat oars fan te meitsjen, mar it byld fan dy dûnsjende soldaat op de stúmske legerauto kaam dat tefoaren. Sa koe ik no al twa Dútsers: Wibel, de piloat en Wibeltsje, it yn myn eagen lytste soldaatsje fan it hiele leger.
Heit stie op 'e rûchskerne mei de strontkroade, doe't wy thús kamen.
‘Wêr komme jim wei?’ woe er witte.
‘Fan it oefenplak.’
‘By de feart?’
‘Ja-a....’
Heit sei neat, mar dyselde jûns waard ik der ûnder iten noch wol even op oansprutsen.
‘Wat moasten jim dêr?’ woe er witte.
‘Wêr?’ frege mem.
‘Se hawwe by de feart west, by dat oefenplak.’
Mem seach my oan en ik seach werom, want Jacob Nauta wie net fan doel him noch langer te steuren oan wat de grutten him fierder wiismakken, mei har praat oer in Alliearde ynvaazje by de Tsjommerfeart en Dútsers dy't it joadeplak beskermje woene, want dat leaude er allegear net mear.
‘Ik wol net dat jim dêr noch komme.’
‘…’
‘Jacob?’
‘…’
‘Ik.Wol.Net.Dat.Jim.Dêr.Noch.Komme, Hast.Dat.Begrepen. Jacob?’
‘Mja-a...’
Sa, mear soene se net fan my krije, in ‘mja-a’ wie eins al fierste folle, mar dat wie myn skuld net, dan hiene se my mar net te fiter hawwe moatten. Mem fielde dat blykber hiel goed, want foar it earst stie se fierder net oan op it tradisjonele ‘ja mem’ en foar my wie dat in regelrjochte oerwinning.
| |
| |
| |
Tsien
Frou Skelting bedarre nei de skieding fan har man yn in deftich hûs oan de oare kant stêd. Op in woansdei hie 'k ôfjpraat mei Tsjerk Plantinga, dy wenne de Doanjumer kant út. De strjitten leine te blikkerjen yn it wite ljocht, it liek wol of wie ik de iennichste dy't noch oerbleaun wie om de stille middei te bewûnderjen.
Want stil wie it, de djippe stilte fan gjin auto's, gjin fleantugen, gjin stereo-ynstallaasjes, gjin drilboaren en gjin minsken. Ik hold de gong der goed yn, it wie noch in knap ein nei Tsjerk en hielendal as je krekt as ik te gean wiene. Ik hie wol in fyts, mar ik mocht him net mei hawwe fan heit, De Gek wie sljocht op fytsen en dan frai dy fan in oar. Thús hie 'k wol in bernefytske, mar om dêr no mei troch de stêd te fytsen, fûn ik te bespotlik foar wurden. Myn gewoane fyts wie tydlik, dat wol sizze foar de doer fan de oarloch, út rulaasje. Heit hie it ding hielendal útinoar helle om sa de ûnderdielen makliker kwyt te kinnen. It frame hong achter in pear âlde hikken yn it hok, de tsjillen hie er op 'e souder set en it stjoer lei op ien fan de sliepkeamers yn in doaze.
Ynienen hearde ik in fertroude stim achter ien fan de hagen wei.
‘Kom je even binnen, ik heb wat voor je.’
It hûs stie foar my, net yn te nimmen, as in kastiel. Strang, heechhertich seagen de swarte ruten my oan. Koe dat wol, by hege lju as frou Skelting samar yn 'e hûs? Doe't se noch neist de Koöperaasje wenne, hie ik it noait fierder skopt as de tún, mar myn mage hie der gjin muoite mei: ‘As grutten sizze dat se wat foar dy hawwe, dan sil it wol lekker wêze, rinne do!’
Myn fuotten setten foar't ik der erch yn hie, de sokken deryn. De klompen die ik krekt as by pake en beppe automatysk út, hjir stie allinne gjin klompebak, dus dan mar op 'e stoepe. In fraksje fan in tel seach ik myn spegeling trijefâldich yn it kantich beslipe rútsje fan de foardoar. Myn eagen moasten suver wenne oan de
| |
| |
tsjustere hal. Giele tegeltsjes mei mosgriene rânen sleaten my yn, yn de sydmuorre siet in rút mei kleurde gleskes - doe net te beneamen, no Art Nouveau - en noch wer heger yn it trepsgat in sierlike tegelblom yn in tegelfaas. In doar gie iepen en ticht en dêr stie Jacob Nauta yn de keamer, mei de pet yn beide klamme hannen. Troch de sokken hinne fielden myn fuotten optein it sachte kleed - no heechpoalich, doe hie 'k der gjin wurd en gjin wurden foar - en ik baaide op in my tawiisde, hege stoel oan. Boppe de tafel hong in lampe mei alwer kleurde gleskes, noch noait hie ik soks sjoen. No pas begriep ik it ferskil tusken hege lju en ‘wy binne mar gewoane minsken, dat moatst noait ferjitte.’
‘Als ik me niet vergis, ben jij Jacob van de boerderij, is het niet?’
Ik knikte fan ja, Hollânsk prate koe 'k allinnich op skoalle en dan noch net iens al te goed.
‘Wat ben je groot geworden jôh, hoe oud ben je nu, elf of twaalf?’
‘Elf,’ sei in antwurd.
Fier yn de fierte joegen myn stimbannen foarm en betsjutting oan in stâltsje lucht. It wie krekt of spruts der in oar, dat rare gefoel dat der immen earne yn je liif sit en foar it earst fan him hearre lit.
‘En, hoe bevalt het, nu je weer bij je grootouders woont?’
‘W-wel goed,’ stammere ik.
Dus sa seach in ‘skieden frou’ der no út fan tichteby. Der wie net iens in soad ferskil mei oare froulju. Se liek út 'e fierte wei noch it measte op muoike Gel, mei dat koarte brune hier, allinnich mefrou wie justjes âlder, foarsafier't ik der teminsten doel oer hie. Yn myn jongeseagen wiene alle grutte minsken ferskuorrende âld, al sil se net fier oer de tritich west hawwe. Dochs hie se de eagen fan in famke, brune eagen noch wol, ik koe der hast rjocht yn op sjen, sa grut wie ik al, of wie sy sa lyts?
Sokke dingen begûnen my de lêste tiid op te fallen, de kleur fan eagen, de foarm fan muien, noazen, earen. Boarsten seach ik
| |
| |
ek hieltyd faker, dochs moasten se der altyd al west hawwe. Dy fan mefrou wiene lyts, lytser as dy fan muoike Gel, mar dêr koene dan ek net folle by op. Sels har knopkes joegen knypeachjes, mar it kinne ek skaden fan tearen yn har jurk west hawwe.
‘Gek hè, heb ik altijd vlak bij je gewoond, en nu pas kom je eens bij me op visite,’ sei se, wylst se har omdraaide nei de antike kast oan de sydmuorre. Sa moai koe se har omdraaie, krekt in dûnske, de jurk blomme omheech en wer nei ûnderen ta.
It boppeste laad rikte har in grienich skrift oan.
‘Kijk, dit heb ik je altijd al eens willen geven, het is van mijn vader geweest, het ligt hier toch maar wat.’ De bledsiden waarden troch tûme en fingers iepen rûtst. Der sieten allegear plaatsjes fan skippen yn: sylskippen, stomboaten, oarlochsboaten, prachtich, prachtich. Myn fatsoen wie yn dy jierren noch net wekker genôch om nee te sizzen, ik naam it presintsje fuortdaliks oan. Doe helle se in grutte bus, dêryn bewarre se de suertsjes.
‘Sjochst no wol,’ kraaide de mage syn fiktoarje. Doe't ik de doar útstapte, sei ik fan ‘dankuwelmevrouw’ en ik wie der grutsk op dat ik deroan tocht dat te sizzen.
| |
Alve
‘Hee jonges, witte jim wol wat dit is?’
Sjoerd helle in plaatsje út 'e bûse en wreau dermei oer de broek.
‘Aaah, wat lekker!’
Ferbjustere stiene Harm en ik nei de beweging fan de hân te sjen. Sjoerd wie yn it hok mei it tsjil fan de kroade oan 'e gong, doe't er him ynienen omdraaide om ‘de rêch te rjochtsjen.’ Noch in kear wreau er oer de broek.
‘Aaaahj!’
Ditkear wie it noch lekkerder, dat wie dúdlik te sjen. Mei iepen mûlen gappen wy nei de fertoaning.
| |
| |
‘Wat dochst?’ frege Harm in bytsje lakerich.
‘Kultsjewriuwe!’ wie it fêste antwurd.
‘K-kultsjewriuwe??’
‘Kultsjewriuwe, noait fan heard? Jim witte ek neat, heite!’
‘Heite!’
Dat wurd sei er ek om it hurtsje, it kaam út 'e Wâlden, Sjoerd koe der neat oan dwaan.
Hy liet ús de foto sjen. Der stie in frou op, in filmstjer of sa, omke Geart hie ek wol sokke foto's, mar dy soene wol weiwurden wêze, krekt as omke sels trouwens. Se seach ús in bytsje nidich oan, fûn ik. De eagen hie se heal ticht en de ferve lippen hold se stiif op elkoar, dus wie se lilk, want mem die presys gelyk. Miskien woe se Sjoerd syn kultsje wol hielendal net wriuwe, hy hie op 't lêst neat frege.
‘Lekker wyfke, net?’
Ja, wat moasten je sizze op sa'n idioate fraach?
‘Ja, no!’ of ‘No, nee!’ en dan sjen of hiene je der ferstân fan? Sels Harm wist net rjocht wat er hjirmei oan moast. Twa houtene Klazen dy't net fan 't plak te krijen wiene, gjin azem joegen op al dy rare fragen. Sjoerd seach oer 't skouder oft der ek immen oan kaam en smiet doe in nij wurd yn 'e striid.
‘NEUKE?’
Wy spatten simultaan tebek, dêr hiest dat wurd ek wer. Op skoalle wie it de lêste tiid geregeldwei te hearren en wêr't it wei kaam, nimmen wist it. De letters wiene gewoan as hjerstblêden út 'e loft wei nei ûnderen ta rûgele, earst in E, doe in EU, dan wer in K en as lêste de N. Wy hiene deromhinne stien, mei de klompen wiene se ferskood sa't je mei in dea fûgeltsje dogge.
EKEUN? EEKUN? NUKEE? ...NEUKE!
Hie Pyt Knal - soan fan in plysjeman - de primeur? Of Foppe Briltsje? Grif! Foppe hie wol faker fan dy útspraken dy't op it rântsje wiene en flokke koe er ek omraak, dat it soe wolris wêze...
‘No, ha jim noait neukt? Lekker jong! Of witte jim net hoe't dat moat? Sil ik it sizze?’
| |
| |
‘Jahaj...’
Ja, dat woene wy wol. Op in rychje:
- Wy hiene it gefoel dat wy wol ta wiene oan dizze wichtige ynformaasje
- Ek tochten wy dat mem it ús grif net fertelle soe
- Wy wiene derfan oertsjûge dat Sjoerd de man wie dy't hjir mear fan wist
‘No, dan moatte jim in famke freegje en dy meinimme nei de golle. Dêr dogge jim har broekje út en dan moat se lizzen gean... famkes ha in kutsje, witte jim dát wol, jawol, hoopje ik... tink mar oan de bolle op in ko, sa giet it by minsken ek... sil ik ris wat sizze, in lekkere mokkel... DAT IS GEWOAN... DE HIMEL GELYK!!!’
Blinder, blinder, dit wie wat! Dit wie switte! By minsken krekt as by de bolle? Unwillekeurich fielden wy oan ús eigen pyltsjes, wie dat net in bytsje te folle fan it goede? En dat in grutte man soks gewoan sei, krekt of wie dat praat fan alle dagen. Wat soene heiten mem...
‘Mar jim moatte fansels earst wol freegje oft se it goed fynt... eh, miskien binne jim ek noch wat te lyts... mar as jim wat âlder binne, lekker NEUKE, jong, in lekker wiif, dat is... dat is gewoan... dan stekst him deryn en dan lekker hinne en wer, dat fine se lekker, no ja... net alle froulju hear... ja jonges, sa wurde de berntsjes berne, moai wurk...’
‘Hasto wolris ...n-neukt?’ woe Harm witte.
‘Wat tochtst, heite?’ sei Sjoerd, mar earlik sein fûn ik dat net in echt antwurd.
‘Witte jim wa't in geile mokkel is? Jim muoike Gel!’
Muoike Gel? Sa hie 'k har noch noait besjoen. Geil? Wat wie dat eins? It hie mei NEUKE te meitsjen, dat naam ik fuort oan. Mar fierder? It duorre noch wol even foar't ik der achter kaam wat Sjoerd krekt bedoelde. Hy die de foto werom yn de bûse en
| |
| |
stjoerde ús fuort, mar net foar't er ús in lêste boadskip meijoech: ‘En tink derom, neat sizze tsjin jim heit en mem, hin?’
It griisde ús oan, soe it allegearre wol wier wêze wat Sjoerd sei? Wy prakkesearren der net oer, Sjoerd koe wol mear sizze, wy yn 'e bleate kont mei in fámke? Mar oan de oare kant... Famkes begûnen der wat oars út te sjen en by ús fielde it ek net mear itselde. Boarten wy oars allinnich mei jonges, no kamen famkes yn byld, en dat wie fan de lêste tiid. Wy seagen, sy seagen werom, sy gibelen en it wie in aardichheid op se om te skellen. As bern wiene wy it hok ynrûn, as mannen fan de wrâld stapten wy wer nei bûten ta. Ferstuivere mannen, dat wol, mar dochs, no wisten wy hoe't it siet mei NEUKE. Foppe Briltsje hoegde ús neat wiis te meitsjen, wy wiene saakkundich wurden op it mêd fan famkes en wat je dermei moasten yn 'e golle.
‘Sille wy ris ien freegje?’ sei Harm, dy't my alwer in stap foarút wie.
‘Mar wa?’ tocht ik mei. Wa fan de ús bekende famkes soe dit wolle? Tsjitske Boersma? Nee, grif net, dy seach altyd like prot. Eefke Plantinga, de suster fan Tsjerk? Pytsje Pot? It foel noch net iens ta ien te finen dy't meidwaan woe, want al dy fammen wiene like stiif as wat en wy moasten wol ien hawwe dy't wat fiis wie, oars waard it niks.
Wy rûnen om de kuilbult hinne.
‘Sille wy jim beppe freegje?’ flústere Harm ynienen, doe't er har yn it hinnehok sitten seach.
‘Béppe?’
‘Eh juh, gewoan foar de lol!’
In bolbjirkene bui dreau oer it hinnehok. Dêr hongen ús gnizende koppen boppe it ferware tarrekleed, in kilometer ûnder ús siet beppe wat rommel op te rêden tusken de kwòòkjende barnefelders.
‘Beppe?’
| |
| |
‘Mja?’
‘Harm wol wat freegje.’
Dat wie tûk fan my. Harm hie maklik praten mei syn gekkichheid, mar as it mis rûn, draaide ik derfoar op en dat wie de bedoeling no ek wer net. Boppedat, hy hie it betocht en Jacob Nauta net, dat dy wie yn 't foar ûnskuldich.
‘Mja?’
Harm gniisde no net mear al te bot en boppe it hok die ik fan slyp út, slyp út! Mar Harm begûn de konsekwinsjes fan syn neukfraach no ek te oersjen.
‘Nee hear, Jacob woe wat freegje...’
‘Nee!’
‘Jaaa...’
‘Tik, do bist him!’
Dêr draafden wy hinne, Harm gisele oer de kolk, ik der achteroan. Pas jûns op bêd kaam Sjoerd syn praat wer boppe driuwen. Ik seach de grutte, blijreade pyst út it ûnderliif fan de bolle skowen, de pyst dy't triljend it gatsje fan de ko socht en ferdwûn yn it waarme fleis. Samar kaam ik op de gedachte dat heit en mem dus ek... Mar dat koe ik my net rjocht foarstelle, want dan soe heit krekt sa wêze moatte as Sjoerd en mem sa'n fanke dat wol mei woe nei de golle? It wie al in hiele toer heit as jonge en mem as famke foar de geast te krijen.
Dochs wie der in bewiis dat se op syn minst ien kear neukt hiene en dat bewiis lei hjir op bêd te prakkesearen hoe't it yn 'e frede mooglik wie dat syn eigen heit, dy't oars amper tiid foar him hie om't er it fierste drok hie, en syn eigen mem, dy't altyd besocht him it goede foar te hâlden, tegearre in kear fia de heasouder de golle opklattere wiene om te dwaan wat Sjoerd sa byldzjend beskreaun hie yn it hok, wylst er de foto fan in filmstjer oer de broek helle.
Doe't mem boppe kaam om it ferske te sjongen, woe ik der noch nei freegje, mar ik doarst it net. Dit wiene dingen dy't in man foar him hold, dy't er sels mar útsykje moast op it skoal- | |
| |
plein, bûtendoar en, wa wit, ienris heech op 'e golle yn it krûdige hea. De Heare moast noch lang de wacht hâlde, foar't de sliep my te pakken krige.
| |
Tolve
Nei't ik mei in ‘t.o.e.m.a.r.’ fan de tredde kategory troch mem de keamer útstjoerd wie, om't de grutten net hawwe woene dat ik wat te witten kaam oer Job, koe ik trije dingen dwaan.
Ik koe dwaan wat mem sei en gewoan nei achteren ta gean om Sjoerd te helpen mei it hea. Dan soe ik in hearrich bern wêze, dat krekt as it hearde, die wat mem sei, mar ik wie der net wis fan oft ik dat wol dwaan woe.
In oare mooglikheid wie de kelder. Ik wist wol in pear plakjes ûnder de gewoane keamer, dêr soe ik min of te mear folgje kinne wat der sein waard, trochdat fragminten fan wurden as dripstiennen oan de ûnderkant fan de flierplanken hingje soene. Dochs sieten der risiko's oan in tocht nei de spelonken ûnder de foarein. De froulju koene it samar op 'e heupen krije en mei it iten begjinne. De kelder hie mar ien útgong en dan kaam it keal Jacob Nauta wol hiel goedkeap út it hok.
De tredde mooglikheid wie de foarsouder. It wie de baas en sykje it hegerop, want gjinien soe op de gedachte komme dat ik dêr tahold, op dat gouden plak, dêr't gjinien my fine koe en dêr't ik hear en master wie oer elke letter dy't as in skimmelplantsje op de skreven woeks. Ik klapte mei de doarren fan it klompehok om goed hearre te litten dat ik sa't it hearde, nei achteren ta gie om Sjoerd te helpen. Op sokken rûtste ik by de trep op om hoeden oer de foarsouder te slûpen nei in plakje by de skoarstien, dêr't de âlde planken wat taps op in dwarsbalke spikere sieten. Ik skode it sikerseach foar ien fan de naden en seach it taferiel dat ik niiskrekt ferlitten hie, no fan de tsjinoerstelde kant. Mem seach ik rjocht yn 't gesicht, fierder de tafel, pake syn rjochterhân, in
| |
| |
pear permaninte krollen fan muoike Gel en heit hielendal net. Neist mem balansearre Job syn keale, prachtige plaske op de rûne holle, twa brede skouders dy't útrûnen op syn earmen en op in pear ûnferwachts smelle hannen, yn de iene hân in potleadsje en foar de licht bûgde fingers it kefertsje dêr't er - tocht ik - syn namme op skreaun hie, in namme dy't fan myn hichte ôf ûnlêsber bleau.
Wat praten se sunich, der wie suver neat fan te ferstean. Job lei wat út, ik tocht dat heit wat frege, Job sei in lang antwurd, wêrby't syn potleadhân mei dûnse, mar ik ferstie it net. Op it lêst sei beppe wat, gelokkich!
‘Om my kin 't wol...,’ en doe sei se noch wat grappichs, miskien dy mop wol, nee dy wie te lang en wat hie dat mei Job te meitsjen. Yn alle gefallen waard der koart lake.
‘Bent u... ergens...’
Dat wie heit, dy't ditkear in soad witte woe, mar ek al yn fragminten prate. Yn de fiere fierten fan de pleats hearde ik de hûn mei de ûnwierskynlik drege namme LeviStrauss, dy't op de skuorreed oan de klink fan de hynstestâl festbûn wie, ûngeduldich blaffen. Ynienen skode pake it byld yn. Syn hannen meneuvelen lykop mei de wurden dy't er sei en it wiene earnstige wurden, yn stakkato, wat ik net fan him wend wie. De oaren ek net, mem draaide de holle nei pake ta en de konsintraasje fan dat gesicht soe ik net gau ferjitte.
Op datselde stuit kaam by my de gedachte op dat ik hjir net plat op it liif hearde te lizzen. Mem hie ommers sein dat ik nei bûten ta moast om Sjoerd te helpen mei it hea of mei wat oars, dat die der net ta. Al op 'e gong wist ik trije mooglikheden te betinken en de tredde keas ik, om't ik net langer it gefoel fernearde dat ik oeral mar bûten holden waard en doe't ik de kar makke de foarsouder op te slûpen, like my dat goed ta, mar no wie Jacob Nauta dêr net sa wis mear fan. Dat kaam fan mem har gesicht, dat wie in gesicht dat je eins net foar de gek hearden te hâlden en it spiet Jacob dat er no by in skreefke op 'e souder lei
| |
| |
te wachtsjen oant der in pear domme wurden op it âlde hout woeksen.
Mar wachtsje, hy koe it noch goedmeitsje.
Foarsichtich treau ik mysels omheech om as in kat yn 'e snie op de trep ta te tripkjen, want it soe sneu wêze it goede foarnimmen dat by my opkommen wie te bedjerren mei in ûngelokkich stik leven, dêr't de heale wrâld fuortdaliks troch witte soe dat ik op 'e souder west hie.
‘Wêr hat Jacob Nauta west?’
‘Op 'e souder!’
‘Wat die dy jonge dêr?’
Nee, ik moast der net oan tinke en al hielendal net oan mem har grutte, ferbjustere eagen fol fan stille ferwiten. Ik soe weirane wolle, troch de grûn sakje as se wist wat ik nét, en wat ik ál útheefd hie. Ik betocht dat ik wol even nei de hûn ta koe, mar ik soe krekt fuort, doe't de skrikdoar fan it klompehok de bek wiidwaach iepenspjalte.
As in swarte ingel stie heit my hookstrooks foar de ferhearde noas.
‘Ah, dêr bist al, kom mar even mei!’
Myn fuotten frearen fêst foar de doar fan it klompehok, in pear tellen ‘vreesde ik met grooten vreze’, mar earder as ik hie myn ferstân al troch dat der neat te rêden wie. Ik mocht der gewoan yn komme, dat wie alles, want hoe hiene se my no fuortstjoere kind? Ik hearde der ommers by, by de Nauta's dy't gjin beslút doarsten te nimmen sûnder de Benjamin fan de famylje te rieplachtsjen, sûnder syn ferrassende fisy op dit bjusterbaarlike barren te...
Dêr stapte ik foar de miljoenste kear it trepke nei de keamer op en achter heit oan sjuttele ik nei binnen ta.
‘Hast al fûstke mei dy menear?’
‘Uh, ja...’
In snor seach my wat spotsk oan en twa brune eagen gibelen
| |
| |
mei, doe't Job him nei my ta draaide. Moast ik soms fertelle hoe't ik gong makke om by in wipplanke op te kommen, omheech strûsde, ferkeard stjoerde, op 'e dwarsbalke knalde en foaroer yn it bitefjild neist de reed klapte en hoe't ik foar it earst fan myn libbensdagen Job syn rûne holle yn in halo fan Fryske biteblêden bewûndere? Beppe hie in plakje njonken heit fûn en de âlde stoel mei de lossprongen fear, dy't oars yn 'e hoeke stie, waard troch pake by de tafel set, sadat ik ek sitte koe.
Dit wie om te ûnthâlden. Sa lei ik noch mei it sikerseach troch in skreefke by de skoarstien te koekeloeren en sa siet ik by de grutten oan tafel omdat ik derby hearde. It earste dêr't ik oan tocht, wie myn gesicht. It moast net al te ferheard stean, mar ek net al te âldmannich, in bytsje dertuskenyn tocht ik, dat ik hold de mûlshoekjes licht nei ûnderen ta, krekt sa't ik foar de spegel wolris oefene. De eagen moasten net hielendal iepen stean, dat stie bernich, de eachlidden in bytsje sakke stie wol goed, as it mar net te folle wie, want dat like wer sleau. Dat mei de eagen wie lestich genôch, ik probearre it in pear kear, oant ik tocht dat ik der kalm en evenredich útseach.
‘Moat Sjoerd der ek by wêze?’ frege heit, dy't it antwurd net ôfwachte, oerein kaam en hastich nei achteren ta gie. Doe't Sjoerd presint wie, koe it heve. Heit seach om him hinne, soe wat sizze, mar beppe - wa oars - naam it wurd en liet it net wer slûpe.
‘Moat jim ris even hearre, wy hawwe foar de kommende pear dagen in útfanhûzer, dit is Job eh... - Wassermann, sei Job - just, Job Wassermann, dy frjemde nammen ek, mar der mei net oer praat wurde, want Job is in Joad en jim witte hoe't De Gek deroer tinkt.’
It wie sa't ik al tocht hie. Dus dit wie no in echte Joad en earlik sein, it foel my wat ôf. Fansels hie 'k net ferwachte dat in Joad derút seach as Nathan Pen, want dy hie in soad wei fan pake, mar yn 'e stêd hongen wolris oanplakbiljetten, mei in gemiene keardel derop, in Joad, en je moasten dermei oppasse, dat wie dúdlik. Der skynden ek wol films oer te wêzen, dêr mochten wy dochs
| |
| |
net hinne. Mar Job seach der hiel gewoan út, eins krekt as alle oare minsken. Mei omtinken heinde er de Fryske wurden fan beppe har lippen, út en troch knikte er ynstimmend, hy hie it begrepen. Sjoerd fûn it gjin manier fan dwaan, sa't Job by ús kaam, midden op de dei en elkenien hie it sjen kind, wêr like dat op? En hie er wol in falsk persoansbewiis? Hoe moast it no mei de distribúsjekaart, hiene wy dêr wol by stilstien? Ik fûn dat Sjoerd presys de goede fragen stelde, want hy hie fansels gelyk. Job seach fan de ien nei de oar, wat wie der?
‘Je persoonsbewijs, heb je dat?’ makke pake dúdlik.
Ut in foto wei lake Job ús fleurich ta. De namme stie derûnder: Joop de Witte, berne op 10 novimber 1904 yn Hilversum. Like âld as omke Geart, tocht ik noch, al wie dat wol in wat brike gedachte, wat hie dat der no mei te meitsjen?
‘Gemaakt door een vriend,’ glimke Job.
‘Hebben ze je gezien, onderweg?’ wie heit syn snoade fraach.
Ja, of je moasten blyn wêze, mar safolle blinen wennen der no ek wer net yn 'e stêd. Hoe moasten wy hjirmei oan, want stel dat guon witte woene wa't der by ús it hiem opkuiere, dan soe it wol aardich wêze as wy in knap ferhaal hiene. Nei wat geëamel kaam mem mei de oplossing. Se betocht dat men Job bêst foar famylje ferslite koe, ien dy't syn hûn kwyt woe. Dat wiene tsien punten foar mem. Ik woe dat ik soks betinke koe, mar mem wie hast itselde as ik, dus mem har puntetal striele ek ôf op my. It draaide derop út dat Job beneamd waard ta pake syn achterneef út Grins, dy't slim ferlegen wie mei de hûn en dy't by ús op 'e pleats in plakje foar it bist fûn.
No't it ferhaal kompleet genôch wie, moast der noch in gaadlik plakje socht wurde foar ús nije útfanhuzer, oare problemen moasten letter mar oplost wurde.
‘Hy kin moai by dy, Gel,’ fûn mem, ‘ûnder yn it tuskenkeammerke.’
‘No,’ twifele beppe in bytsje sunich, ‘kin dat wol?’
Wat bedoelde beppe? Der waard wat gniffele en doe wist ik it.
| |
| |
Se wie fansels benaud dat Job wat woe mei muoike! Of oarsom! Soe ik it sizze? Sjoerd knypeage en ik die it werom mei oardel each, want al hie 'k bot oefene, it iene eachlid gie altyd noch wat mei as it oare ôfstuts. Nee, ik koe my mar better stilhâlde, tocht myn ferstannige ferstân. Mei sa'n opmerking kaam it skip fan Jacob Nauta fêst yn swier waar telâne en dat wylst er der no krekt sa fernimstich by siet. Dochs bedarre Job wol deeglik op west, want dêr wie de measte romte, muoike sliepte op it lêst boppe en it wie dochs mar tydlik.
Job waard troch beppe en muoike teplak brocht, wy giene nei achteren, want der wie wol mear te dwaan, it wie op it lêst simmertiid en dan koe it net yn 'e foarein fertsjinne wurde. Wy giene wer oan 'e slach, mar dochs wie der wat feroare. Elk hie sa syn eigen gedachten en de manlju - sels Sjoerd! - wiene stiller as oars. Wa hie dat no ek tinke kind, in ûnderdûker by ús op 'e pleats. Fansels, der wie wolris oer praat, mar altyd frijbliuwend, want wy wennen net echt bûtenút. Hie dat sa west, ja dan. Mar wy wennen fierste ticht by de stêd om sok folk binnen de muorren te hawwen, hie pake altyd sein en no wie it ynienen dochs safier kommen.
Soe dit goed komme? Foar my net in fraach, ik stie der net iens by stil dat de dingen ferkeard gean soene. Nee, ik fûn it wol moai, sa'n gast op it tuskenkeammerke fan muoike Gel en it aldermoaiste wie noch dat Job LeviStrauss by him hie, ik woe altyd al in hûn. Muoike wie der bang foar, hoe faak ik der ek om sanike ris ien te keapjen. Dat hie ik dochs mar moai oan De Gek te tankjen. Sa learde ik dat alles in foar en in tsjin hie.
| |
Trettjin
Tusken it hege piipkrûd lei ik op 'e rêch nei de loft te sjen. It blau skode hoeden tusken de wite wolken troch, beakene de wite watten ôf ta blêden, skieppekoppen, man mei piip. Ut 'e piip wei
| |
| |
kringelen lytsere wolken, oant de wyn se út elkoar dreau, sadat it ferbân ferlern gie. Nije freonskippen waarden oangien, oare foarmen ûntstiene foar myn eagen.
Wêr bedarren dy wolken, dy't sa soargeleas oer my hinne dreaunen? Losten se op boppe Grins, Dútslân, Poalen? Leine dêr ek bern tusken it piipkrûd om de bylden oer te nimmen en nije nammen te jaan?
Flak foar myn eagen krûpte in ingeltsje by de stâle lâns omheech. Wat soe de plant gigantysk grut wêze, krekt in kastanjebeam mei fyfde, sechsde tûken en dan de ferbeane plakken, omdat je net heger mochten fan mem, muoike, beppe. Hie in ingeltsje dy ek, tocht ik, en soene se wol ferteld hawwe fan de gefaren hegerop? Se seine dat it in minne tiid wie en dat foel net te ûntkennen, mar wie it wol echt sa? Pake, heit en Sjoerd wurken ommers gewoan troch, sa wie it dochs altyd gien? It hea lei te bakken yn de hite sinne, Sjoerd en pake swilen it by elkoar en it soe yn de golle lizze te wachtsjen op de lange winter om dan opfuorre te wurden oan de dampige winterkij yn it bûthús. Heit en mem bjinden de amers op it stalt, hoefolle frediger koene de dingen noch lykje?
Se seine dat der fochten waard yn Ruslân, Afrika en op de Oseaan, ja, op alle kaarten fan de ‘Schoolatlas der gehele aarde’ fan Bos en Niermeyer, mar wa koe dat leauwe? Der wiene noch sa'n soad dingen te dwaan en te learen, wa hie it dan oan tiid om sokke dingen te dwaan? O ja, ik lies der graach oer, oer oarloch en echte helden, dy't it dan wer oprêden en dy't mei helderblauwe eagen de takomst ôftaasten en dy't by einsluten trouden mei it moaiste famke fan it hiele boek. Wêrom fûnen se dat se de boeken ferlitte moasten om wat se oars tusken de rigels troch diene, no yn it echt te dwaan?
Al it geweld like allegear safier fuort en it ingeltsje wie alwer fiif sintimeter heger by de stâle op krûpt. It makke him allegear net folle út wat de minsken elkoar oandiene. Se seine dat de Joaden it net maklik hiene en dat se deamakke waarden, mar de
| |
| |
wite wolken wiene alwer fierder dreaun, nije hiene de lege plakken ynnommen en foarmen deselde skieppekoppen, blêden en manlju mei in piip.
Doe kaam Job. Job op it útfanhûzerskeammerke fan muoike Gel, dy't altyd noch wachte op Harrie Boven, earste stjoerman op de Melba, mar net fersûpt, wol ferdronken yn de Golf fan Biskaje en op de fjirde dei ferriisd út 'e dea. Job Wassermann, dy't eins Joop de Witte hiet, of wie it krekt oarsom? Job, dy't samar by ús it hiem opkuiere wie om in plakje te freegjen foar in pear nachten. Miskien bleau er wol folle langer, miskien wol oant alles foarby wie, dan koe er werom nei Hilversum of wêr't er ek mar weikaam, werom nei syn frou, syn bern, of hie er dy net? Ik moast it him nochris freegje, krekt as alle oare fragen dy't ik betocht hie, alle antwurden dy't er sizze soe.
Wat moast ik leauwe en wat besochten de grutten my wiis te meitsjen? It ingeltsje klattere muoisum oer in skerm fan wite blomkes, stroffele oer de moaltriedsjes en de stampers fan it piipkrûd, dêr't Sjoerd fluitsjes fan snije koe mei syn herder, sa't er syn mes neamde yn it wâldpiketaaltsje, dat sa smout, ja hast bûtenlânsk klonk.
Fierderop hearde ik de Bels oer de grintreed kriizjen, de reade wein mei de luchtbannen sûze der achteroan. No noch hea ophelje? Moast der net molken wurde, of hie heit Sjoerd nei it lân ta stjoerd om de lêste eker? Wat wie it hearlik sa yn de berm fan it bitefjild te lizzen, sûnder dat der ek mar ien wie dy't je seach. No ja, God soe my fansels wol sjen, mar soe er it slim fine dat ik hjir mar wat lei? Hy hold dochs fan alle minsken en as er ien as De Gek gewarde liet, dan koe er Jacob Nauta grif ek wol wat gerive, dat wie dochs net te folle frege?
It ingeltsje koe net fierder, safier wie it omheech klattere en no pas seach it dat alle muoite fergees west hie. Ien, twa, trije, fjouwer, fiif, seis, sân, acht stipkes telde ik op it oranje keverke, dat noch even sitten bleau om te genietsjen fan it panorama, oant it betocht dat alles der noch folle moaier útseach as it de wjukjes
| |
| |
iepentearde. Triljend kamen de fine, sulveren gaaskes oan it ljocht, heinden de strielen fan de waarme sinne en tilden it ingeltsje de loft yn, fuort, fuort, tusken de wabbeljende sântaarten troch, noch heger, fier bûten it berik fan alle driging, alle gefaren en prakkesaasjes fan de wrâld en even woe ik dat ik meifleane koe.
| |
Fjirtjin
Op de kolk, dêr't ek it-húske-mei-de-balke woartel skeat, stie in jarrepomp, in wat abstrakte konstruksje dy't bestie út trije buizen. De langste wie fêstset mei fjouwer fikse bouten en stuts rjochtstreeks ta de jarre yn. Oerdwars siet in koarter stik fan sa'n twa meter, dat útrûn op it koartste stikje, de spuimûle fan de pomp. Moast der jarre wurde, dan waard it apparaat, dat net al te grut wie - yn alle gefallen in stik behindiger as it mânske, stielen tsjil - yn beweging set troch de Alde Swarte in fyftich meter tou fan de brede felling ôflûke te litten. It yn 'e rûnte giseljende tsjil sette de pomp oan it wurk en sa gau't it hynder tusken de apelbeammen troch it hôf ynstode, brûsde de jarre yn de jarrebak, dy't ûnder de buis stie. In perfekt systeem, want de Alde Swarte hoegde mar in fjouwer halen te dwaan, dan wie it bakje oant de kop ta fol.
‘Better as skeppe,’ fûnen de manlju en ‘je wurde der net al te smoarch fan.’
Under it pompen wie it meastentiids in gerop en geraas fan komsa.
‘Húk, húk, toe dan Alde, húk, húk!’ fjurre Sjoerd it hynder oan.
‘Net sa mâl, net sa mâl, blinder!’ besocht heit de brune stream wat fatsoenlik yn it bakje te krijen, mar Sjoerd die der fansels alles oan safolle mooglik gong te setten.
It duorre net lang of heit hie it nocht derôf. Perfekt systeem of net, dit moast oars.
| |
| |
‘Kinne wy de buis net wat langer meitsje?’ libbe pake mei.
‘It bliuwt spatten,’ aksele heit tsjin.
Sjoerd wie it lân yn om de bak te leegjen en tegearre stiene de mannen by de pomp. Heit wreau de jarre om 'e noas wei en seach neitinkend omheech, krekt of soe de pomp sels mei in oplossing oankomme.
‘As wy noris in binnenbân trochsnije en dy oan de buis fêstsette, dan kin de bak ûnder de pomp en kinne wy de jarre der goed djipynkrije.’
Dat wie it! Dyselde moarn noch sette heit ôf nei de smid om in âlde binnenbân. Sjoerd fike mei de herder it lekke stik derôf en even letter wie de jarrepomp fan de famylje Nauta útwreide mei in prachtige slurf, wat earlik sein in frij domme yndruk makke, want de oars sa stoere pomp wie troch dy rare, swarte bongel in tige sneu gefal warden. Suver wat ferbûke stie it ding him dea te skamjen op de kolk. Fansels moast de binnenbân fuortdaliks útprobearre wurde, melkerstiid of net.
Pake hie it tou alwer oprôle, dat it koe heve. De Swarte waard troch Sjoerd yn de startblokken set. Amper hie heit syn ‘net te mâl, net te mâl’ boppe de pomp hongen, of dêr gie it spul. Heit wie net al te helder, want hy hold de bân net beet, sadat de jarre alle kanten út spuite. Hy dûkte as in echte militêr ûnder de jarrebak en sa liet de famylje Nauta harren feint Sjoerd en de Swarte úttjirgje.
‘Moatst dat ding wól beethâlde,’ hime pake en dat wie krekt itselde wat ik ek al betocht hie.
Dêr stie ik, moai op it wâltsje om de grutte kuilbult hinne, en ik hie noch wat sjoen. Doe't Sjoerd healwei it hôf wie, begûn de slurf op te swollen, om't de brune stream net ferwurke wurde koe. Logysk, sa betocht Jacob Nauta, de bân moast ommers wat nauwer wêze as de buis, om't it ding oars net hingjen bleau. Sjoerd hie dat hoopfolle ferskynsel ek waarnommen, wat o sa knap wie, want hie er net alle oandacht nedich foar it mennen fan de Alde Swarte?
| |
| |
‘Noch mar in kear!’ stinde er, de hannen op de knibbels om even te bekommen.
‘Even wachtsje, dit moat oars,’ bromde heit.
Hy fage mei in top hea de slurf ôf en meneuvele wat om mei de binnenbân om der achter te kommen wat it bêste wie.
‘Ast no ris óp de bak sitten giest?’ holp pake him ûnder it ynheljen fan it tou in eintsje op 'e gleed.
Dat wiene alwer tsien punten foar pake en boppedat smiet dy gedachte in moai gesicht op, heit op it swarte jarrebakje mei dy dwarse bongel yn beide hannen.
‘Kin it wêze?’ gniisde Sjoerd.
‘Toe mar!’
Sa hurd hie de Swarte noch noait fan syn libbensdagen draafd. Fjouwer poaten skeaten tusken de apelbeammen troch en Sjoerd kletste de leien op de swittende rêch om noch mear gong te setten. It wie de kombinaasje fan twa heuchlike feiten:
- De bongel waard yn rap tempo grouwer en grouwer
- Heit koe gjin kant út
‘Hy knapt!’ raasde myn stim.
‘N... ...!!!’
De bân knapte mei in tongerslach, folge troch de brúnste bui dy't je mar betinke koene. Dêr stie pake, te ferbjustere om te laitsjen. Dêr siet heit, mister jarre yn eigen persoan. Twa swartepite-eagen sochten ferdôve om in hâld dat der net wie, of it moasten al de flarden rubber wêze dy't noch op syn hannen hongen. Dêr stie Sjoerd, in bytsje ûnnoazel gnizend, mar krekt net te folle, want soe dat net sneu wêze? Dêr stie Jacob Nauta. Sa hie er syn heit noait sjoen en sa soe er him ek noait wer sjen. Moast er laitsje, moast er gûle?
Hy lake. Mar tagelyk hie er begrutsjen mei syn heit, dy't it sa faak te drok hie en dêr neat oan dwaan koe, want sa wie it boerewurk no ienkear.
|
|