| |
| |
| |
Earste stien
Sjoch Job, hoe't ik stiennen tôgje. Basalt, swart, rûch en net te tillen. Alle stiennen hawwe in eigen gesicht, eigen groeden, foarme troch waar, wyn, siedende lava en skossen iis. De wyn hat skjirre, beslipe en op it lêst kaam der in stienhouwer oan te pas om se los te slaan fan har woartels. Ik set se op it joadeplak, yn 'e hoeke, op it plak dat pake oanjoech doe't ik him dernei frege.
Hoe lang is it ferlyn dat ik hjir omstapte, meastal allinnich. Ek doe al toarke ik it leafst om yn in eigenmakke wrâld, ik skikte de dekorstikken teplak, struts de ploaien rjocht, sljochte it grint op de âld reed en prate krekt as beppe mei de hinnen. Mei Harm kaam ik hjir wol, op dit plak ‘foar de deade minsken’ en dat wie te sjen, it heucht my oars net as in hôf mei skeansakke stiennen, de rântsjes ôfplakt mei giel mos, de deaden dy't stil wachten oant wy wer fuortgiene - wy hearden hjir ommers net, wy wiene grifformeard - dit plak wie foar de Joad. Rûngear strúnden wy fan de iene stien nei de oare. De muorre dy't de deaden by elkoar hold wie net al te heech, al hat er him dan opmakke mei in heal ôfgliden prûk fan kamperfoelje.
It hiele hôf falt my eins wat ôf. Yn myn ûnthâld hat it my altyd grutter talike, je koene dochs einen drave om fan de iene nei de oare ein te kommen en dat moast ek wol, fral as Busse deroan kaam, want dy paste op it spul en as wy der net om tochten, stie er samar foar dyn noas. Mar no sille hjir net in soad mear komme, it paad is like min as wat. Ik hie it gefoel dat ik mei auto en al sa by de wâl delrûgelje koe, yn ien fan de tichtwoeksen sleatsjes, tusken de hege reidplommen, wylgeroaskes en brannettels.
Ik lis myn gedachten yn it ljocht fan de mismoedige sinne by de earste stien. Wa wit fan de stappen dy't hjir noch fan dy lizze? Ik wit noch fan ‘goedemiddag jongeman, mag ik je vader even
| |
| |
sjpreken?’ De man yn my - ik wie noch mar alve - kaam grutsk oerein. Oansprutsen as ‘jongeman’ en dan ek noch yn it Nederlânsk, dat joech ûnderskie. Foar my stiesto, Job Wassermann, tegearre mei LeviStrauss, doe noch ûnbekend, letter in begryp yn de wide omkriten fan greide en boulân. Beppe fûn it mar in ‘ding fan niks’, sa'n Dútske Joad op 'e pleats. En dan ek noch Wassermann: ‘Hoe moat dat mei de pinne?’ Standerttaal fan beppe: ‘Hoe moat dat mei...?’ En altyd dy stim as in kanon, mar wie it net oarloch? ‘Jacob, hoe moat dat mei de foarke?’ as ik wer ris mei de leppel yn 'e jirpels ombarge. ‘Hoe moat dat mei de fyts,’ as ik by de âld reed delkletst wie, links de sleat, rjochts it bitefjild. Se tilde har skonken om bar op om it traapjen foar te dwaan, in dûnsjend byld, de hannen oan in optocht stjoerke. Pake syn poatsje die mei, om 'e hoeke fan de bûthúsdoar.
‘Hawwe se dêr yn Moffrika ennen en essen oer?’ frege beppe doest dyn namme yn bjusterbaarlik rûne letterkes op in kefertsje del sirkelest. Pake gnúfde mei oer 't skouder fan beppe en bewûndere ‘de ennen en de essen’.
‘Ek jees ha se dêr genôch - genoeg jees hng hng’ as oersetting foar dy ‘Dútske joademan’, en hy tikke himsels op 't boarst. Dyn eagen glimken mei - hng hng - en ik ek. In grapke, dúdlik in grapke, mar dan wol fan de grutten en snapte ik dat? De domheid fan alve jier hong as in kâlde tekken om my hinne. Wurden, letters ûntgiene my net mear, ik wie te grut. De betsjutting wol, ik wie te lyts.
| |
Ien
Ien miljoen dingen haw ik leard. De earste dingen learde ik foar de simmer fan 1942. Doe wie 'k noch in bern, tocht as in bern en die as in bern. In bern wie ik, mar net lang mear.
Yn in pear moanne tiid wie ik it bernige kwyt, om it noait werom te finen. Ik socht yn hoeken en hernen, yn myn ûnthâld,
| |
| |
yn boeken oer oarloch, boeken oer frede. Ik pluze foto-albums nei, plakboeken mei sigarebantsjes, postsegels en sûkerpûdsjes. Ik besocht plakken, kuerde achter grouwe beammen, seach op it joadehôf, grêfstiennen woe 'k ûntsiferje, mei triljende fingers fielde ik de letters, tiidbalken haw ik ôfrûn nei it begjin fan de dingen ta, minsken fragen steld, antwurden fan preuveljende lippen lêzen, yn ieuwenâlde eagen socht om in spoar. Ik seach op stasjons, ik kontrolearre treinregelingen, blêde yn argiven, ik fotokopiearde, krûpte om op fermôge flierren, teante troch ferlitten keamers, mar hoe't ik ek socht, it bern wie net te finen, ferdwûn yn in grize damp.
De dingen dy't ik learde yn de simmer fan '42 wiene soms fan mear, soms fan minder belang. Sa learde ik dat omke Geart echt dea wie, de leafde foar de frou fan syn dreamen ûnmooglik. Ik kaam derachter wêrom't ‘Klaas Brechje’ fia de tuskenstap ‘buorman Hoekstra’ omset waard nei ‘Klaas Hagel’, dat guon hûnen krekt minsken wiene, guon minsken krekt hûnen. Ik learde de eagen ticht te knipen as gefaar drige, dat it soms dochs better wie om se iepen te hâlden en dy fan alle oaren derby, dat in auto hurder woe as in hynder, dat de dingen der oars útseagen as je op 'e kop hongen, dat je it paad yn in golle goed ûnthâlde koene mei in stik draakjetou. Ik learde dat fûgels gjin fûgels mear wiene as je se fongen en in fisk gjin fisk as it bist op 'e wâl fan de Trekfeart lei.
Ik kaam ek achter oare dingen. Ik learde ôf antwurd te jaan op fragen, hoeden te wêzen as immen al te freonlik wie, dat it neat koste sels freonlik te bliuwen - sa'n hâlding smiet wat op. Je foardwaan as ûnnoazel bern koe gaadliker wêze as wiisprate, ierappels ieten je net mei in leppel, God is King, wa't gong sette, foel samar net fan 'e fyts, wa't tefolle gong sette, stjitte de holle, mei te min gong knoffelest tusken de biten. Ik learde hoe't ik Geheime Plakken salang mooglik geheim hâlde koe, ik siet achter buro's, yn kasten en op tûken. Ik bewarre dingen oeral dêr't
| |
| |
mar wat te bewarjen wie, ûnder dakpannen, yn kasten en fral yn myn ûnthâld.
Steapels gedachten sette ik út 'e wei, om se letter wer op te pakken, te besjen, ôf te taasten, te fersmiten of te behâlden, mar krekt wat it bêste útkaam. Ik besocht myn hâlden en dragen sekuer ôf te stimmen op de situaasje fan it momint. Dat slagge miskien net altyd, dochs krige ik geandewei it sterke gefoel dat myn Manieren fan Dwaan in betroubere wei útmakken. Ik learde dat alles en noch folle mear op de pleats oan de Trekfeart, de pleats dy't sûnt 1832 op myn kommen wachte hie. Dêr learde ik de dingen dy't ik witte moast fan beppe, taflecht en behâld, fan pake Jappe, grapkeman, fan Sjoerd, biisfeint en domkop, fan muoike Gel, dy't och sa goed gûle koe, omke Geart, heit, mem en alle oaren dy't my ferneare moasten. Ik wie in bern, tocht as in bern, die as in bern, teminsten foar juny'42, dêrnei waard alles oars.
| |
Twa
Yn maaie 1940 begûn in oarloch dêr't de ein fan wei wie. It koste sels muoite it begjin te ûntdekken, al fier foar myn berte wie it sied derfoar útstruid oer de roppige grûn. Dochs wie alle fjochterij, alle ellinde, fier fuort. Yn Europa, Afrika en Azië brânde de ierde, mar ik seach neat, hearde neat en fielde neat, ik wie ommers in bern. Bern hawwe oare dingen oan 'e holle, oarloch is fan grutte minsken.
Seach ik dan gjin fleantugen, soldaten, legerauto's, grimmitige soldaten? Fêst, mar dat alles liet my kâld. Wat hie ik te krijen mei De Gek? Dochs wist ik sekuer hoe't de man derút seach, hoe't er die, ik wie fertroud mei syn hiele hâlden en dragen.
Sjoerd koe dat Dútske misbaksel nammentlik treflik neidwaan. Dat gie it bêste op 'e jarrekolk achterhûs. Dêr binne de prachtichste imitaasjes fan de hiele wrâld en noch wat opfierd, mei op
| |
| |
de achtergrûn it-húske-mei-de-balke, dêr't je o sa hoeden yn balâns bliuwe moasten om de brune brot kwyt te reitsjen. De doar koe mei in heakje ticht, mar wa doarst dat oan? It gat achter de balke wie te djip, de kolk luts te fûl, wat soe it oars west hawwe? Geregeldwei dreamde ik dat ik deryn foel, troch de stilsteande swietrook fan jarre en stront, ûnskuldich en fierste jong, om dan linkendewei fuort te sakjen yn it ôfeart fan generaasjes.
Op it húske lei steefêst De Courant, al wie dat net de echte krante fan de grifformearden. Wat die pake leaver as it gat ôf te feien mei ‘bekanntmachungen’ en oarlochsnijs? Oerwinning op Poalen? Pake moast nei 't húske. Mussert hie sa moai sprutsen yn Grins? Pake skuorde en fage. En dan de klimaks, in foto fan De Gek. Pake fage dûbel, hy fage him in wei nei de befrijing ta, beret, mei lange, brune halen.
Sjoerd wie in wâldpyk, skraal om it kopke, it hier altyd glêd achteroer. Al twa jier wurke er op 'e pleats en hoe ferskillend pake en Sjoerd ek wiene, de mannen koene mei-elkoar lêze en skriuwe. Dat wie opfallend, sa'n prater wie pake net. Dêr ferskilde er net yn fan de oare Nauta's - ik haw it hjir oer de manlju - dy't ek net al te folle wurden smoarch makken. Je moasten de boel allinnich mar wer himmelje, en soks wie tiid fergrieme.
‘Wy moatte jim de wurden sawat út 'e mûle weiskuorre,’ ferwiet mem harren wolris ûnder it kofjedrinken.
As der wat sein waard, gie it meastentiids oer kij, jild, lân, it waar en dan wer oer kij. De froulju koene noch sa besykje it ûnderwerp by te stjoeren, al dy ynspannings smieten net in soad op. It manljuspraat skolpere fierder, oant de gong derút wie, sels oer in ko koe in Nauta útpraat reitsje. ‘Mar wêr tinkst dan de hiele tiid oan?’ hearde ik mem freegjen doe't wy mei ús trijen út tsjerke wei op hûs oan rûnen.
‘Och...,’ sei heit.
‘Wat och?’
‘No gewoan: och... ik tink net safolle!’
Dat wie net wier fansels, ik sei ek noait wat, mar tinke koe ik
| |
| |
hiel goed. Ik wie sûnder mis de bêste tinker fan alle Nauta's, myn gedachten pasten amper yn 'e harsens. ‘De holle kin him wolris barste,’ sei beppe faak en dat wie in wier wurd, ik siet der sels ek oer yn. As it safier wie, hope ik mar dat dokter Snuf in bytsje op 'e tiid kaam om alle betinksels werom te triuwen ûnder it plaske, oars moast ik myn hiele tinkfermogen op 'e nij ynstelle. Oer tiid fergriemen praat! Nee, heit tocht genôch, dêr trape ik net yn, mem trouwens ek net. ‘Mienst dat ik ûnnoazel bin, tink?’ sei se en se lake wat heal om heal. Dat die se faker, se tocht dat se fierder kaam as de dingen dy't se sei net al te earnstich oerkamen, wat glimkes koene gjin kwea. Mar heit joech gjin belies.
‘Do tinkst séls miskien wol in hiel soad, dêrom hoecht in oar net krekt gelyk te wêzen, wat seistó, Jacob?’ Hy klapte my op 't skouder. Sa, dat wie foar heit syn dwaan in kastiel fan wurden en it holp, mem liet it sitte.
Sjoerd hie lykwols in echt praatbekje, it stie gjin tel stil. Oeral hie it wol wat oer te melden, ek oer dingen dy't it praat net wurdich wiene.
‘Sjoch, de trein!’ sei er as er de trein seach. In Nauta sei yn sa'n gefal neat, de oaren koene de trein sels wol sjen, of net? Wy tóchten net iens fan ‘sjoch de trein’, dat hie neffens ús gjin doel. Grapkes makke Sjoerd graach, in soad en graach, eins oan ien tried wei. Pake besloech guon dingen ek mei de gek, net rûnút, mear in bytsje stikem, tusken de rigels troch. Foar my wiene de opmerkings fan pake bytiden amper te begripen. Dan wie Sjoerd better benei te kommen, al hie syn praat net folle fel om 't gat. Sjoerd neamde de dingen mear by de namme, altyd en oeral leine de warden him foar yn 'e mûle, as hite jirpels dy't je útspuie. Yn 't bêste gefal hold er de hân derfoar om se te heinen, mar hy sei de dingen likegoed, krekt lûd genôch.
‘Wol Sjoerd net sa tusken de fingers prate?’ grommele beppe.
‘Jacob hat ek earen oan 'e holle,’ kaam der yn 'e regel achteroan.
Beppe wie de iennichste dy't Sjoerd stil krije koe, mar hie bep- | |
| |
pe net de hiele wrâld yn 'e macht? It wâldpikefrysk mei al dy hi's, mi's en si's joech noch in ekstra diminsje oan de foardrachten dy't Sjoerd geregeldwei op 'e kolk opfierde.
It moaiste wie De Gek. Hoe faak haw ik Sjoerd net de earen fan 'e holle seurd om krekt dat te dwaan? Hûndert, tûzen, in miljoen kear? Ik wit it net mear. Fansels die er soks hielendal net faak, mar yn myn ûnthâld kin ik my de kolk net oars yn 't sin krije as mei de âljende feint, dy't dêr syn keunsten fertoande. Mei wat jiske fan in sigarettepeuk fage er it kantige snorke ûnder de noas, it stiif achteroer kjimde hier plakte er yn in hoeke fan fiifenfjirtich graden oer de foarholle, om dan mei in daverjende klap de kolk op te marsjearen.
It gie fan mâl-idioater-healwiist. De losse planken batsten en bûgden oan ien tried wei ûnder de stampende klompen, de rjochterearm swypke as in bolbjirkene tûke yn 'e stoarm troch de loft en raze dat er die, it wie oant yn 'e Prikkebuert te hearren. Mei in sirene as stim gjalpe er syn bargedútske boadskippen troch de eter. Pake gniisde wat, ik hold de hannen foar de earen. Mei de holle sloech Sjoerd alle kanten op, in wyld hynder, de flibe spatte tusken de tosken wei. Dêrby kaam noch, hy koe mei de eagen sa aldermâlste bryk sjen, de eachbollen draaiden yn 't wite wei. Ik haw noait better witten, De Gek wie sa skilich as in pod.
| |
Trije
Myn ferhaal sil ik begjinne mei de pleats, sterk yn waar en wyn, sinne en moanne, macht en ûnmacht. De pleats stie as in hûs, oant de sloper kaam, mar wie dat net folle letter? Hoewol't it noch in knap ein rinnen wie, lei it spultsje fan ús pake dochs amper bûten de stêd. Ut de fjouwer foarkeamers wei koest by moai waar op 'e toer fan de Martinitsjerke sjen hoe let it wie - de sinne blikseme de tiid op de gouden wizers fan 'e súdkant - mar om by de toer te kommen, moasten je hielendal oer de Stasjons- | |
| |
brêge, de iennichste ferbining mei de stêd oer de Trekfeart, no it Harinxmakanaal.
Allinnich as it hynstebalken frear, wie 'k samar te plak. Ik stuts de finne oer, stapte it iis op en klattere oan de oare kant by de kaai op. It wie net allinnich de tiidwinst, it wie dat spesjale gefoel om te rinnen yn in oare werklikheid. Troch dat iis wie de struktuer op 'e kop set, de hiele stêd in oar plak wurden. Unbekende wegen waarden berûn, strjitten dy't gewoanwei yn it lang leine, leine no yn it breed. Je seagen kanten dy't oars net achte waarden, de stêd hie in nij gesicht, nije eagen, de mûle hie in foarm dyst noait earder seachst.
Om by de Stasjonsbrêge te kommen, koe ik twa kanten om. Meastentiids rûn ik hielendal by de Trekfeart del, foar de pakhuzen fan de Koöperaasje lâns. Hjir leine de skippen dy't it goudgiele weet oanfierden út 'e bouhoeke wei. Der gie gjin dei foarby of ik rûn kôgjend op in mûlfol oer de kaai. It wiene net allinnich de weetskippen dy't de sfear útmakken, de skippers diene ek in sint yn 't ponkje. Se rôpen en raasden by de muorren op, har stimmen kletsten fan de iene kant nei de oare en it ferfeelde noait. De turfskippen hellen har frachten út 'e feanhoeke wei, de kaai wie foar ús gefoel sawat it sintrum fan 'e wrâld.
By de Julianastrjitte rôp ik fan ‘Prikkebuert’ om it folk dêr te narjen en dan spile ik fan ruten mei de klompen yn 'e hannen. Pas by de Stasjonsbrêge wie 'k feilich, guon knapen út dat arbeiderswykje wiene fluch as wetter en as dy my te pakken krigen, dan wie 't net bêst. By de brêge wachten yn 'e regel Harm Dykje en Ale Terpstra, dy't fan 'e Tsjommer kant kamen. Mei ús trijen wiene wy de hiele Prikkebuert treast. Lûd sjongend stapten wy oer de Turfkade en it Bolwurk op skoalle oan.
Mar der wie ek noch in súdliker rûte, dat wie ‘it spoar om’. Oer de reed, dan by it spoar del en dan fia it Spoarrûntsje nei deselde brêge. Wie dat net handich as de driging fan bern út 'e Prikkebuert wat al te heech oprûn?
| |
| |
De pleats wie eins net iens sa grut, dochs wennen der bytiden wol tsien minsken. Dat koe maklik, om't de stjelp in wat singeliere foarm hie. Doe't ús ûnderkommen yn it lêst fan de njoggentjinde ieu set waard, boude men it foarhûs breder as de skuorre. Dêrtroch liek it of hie de pleats oan east- en westkant earmen, útspraat yn ûnmacht. Fergees besocht it gebou in hâld te finen yn de swiere klaai. It hie gjin sin. De grûn wie te glêd, de stêd te sterk, de stiennen ûnderyn it fûnemint glysteren stadich fuort. De earste skuorren fûn ik op in sneontemiddei, doe't ik fan pake oan de westkant gers en túch út it krûpgrint wjudzje moast. Ik wie begûn by de syddoar en dan sa op 'e knibbels nei Gibraltar, want mei dy namme wie de súdwesthoeke fan de pleats optúgd. Dat kaam fan de liguster, dy't ek by de syddoar úteinsette, mar by de hynstestâl sa de gong deryn hie dat de hage noch in twa meter achterhûs trochskeat. Nimmen wie oait op de gedachte kaam dat bolbjirkene stik op te rêden. It wie langernôch stean bleaun om in namme te krijen en dêrmei in plakje yn it skiednisboek fan de famylje. Mei fielfingers folge ik de skuorren, spoaren fan takomst, myn taastende hannen berikten op ien plak it hynsterút en ik begriep wêrom't de ûnderste twa glêzen altyd stikken wiene. Pake sette stikjes karton oan de binnenkant, want ‘oars siicht it hynder hjir nochris wei.’ Yn gedachten seach ik de Alde Swarte troch de iepen skuordoarren sweevjen. Ienris de pleats út wûn it bist hichte om op it lêst lytser te wurden en mei tommeljende poaten te ferdwinen yn 'e rjochting fan de âlde trambaan. Noait hie ik my ôffrege hoe't it dochs kaam dat pake de ferver net komme liet om de boel te meitsjen. Ik wist net better of hynsteruten wiene foar in part fan papier, bewuolle yn tichte spinreagen.
As ik yn 'e hûs roppen waard, koe ik twa dingen dwaan: bûtenom of binnentroch. Bûtenom wie troch de foardoar, dy't by ús oan de westkant siet, dus mear in syddoar. Dochs sei elk - en ik dus ek - fan foardoar, dit om in ûnderskie te meitsjen mei de syddoar dy't in pear meter súdliker in tagong ta de skuorre foarme.
| |
| |
De foardoar siet meastal op 'e skoattel, it wie net de bedoeling dat minsken dy kant om yn it foarhûs bedarren. Ik gie dus binnentroch fia de skuorre en it klompehokje, dêr't in danich fersliten stik flierkleed op genedeklap en ferlossing lei te wachtsjen. Om't beppe oer beide gie, koe dat noch wol even duorje, want ‘âld guod moat earst tenein!’ It wie de bedoeling datst earst de klompen yn 'e bak diest om dan dyn ‘sokken te feien.’
‘Sokken feie, Jacob!’
‘Mar dy binne skjin, beppe.’
‘Der sit hea oan dyn hakken, moatst better sjen.’
‘Wat sei beppe?’
‘Ast wol koekjes meist...’
Troch de achterdoar kaamst yn de lange gong en dat wie echt de langste gong dy't je mar betinke koene. Hy rûn oer de hiele breedte fan de foarein, links fan dy de foardoar / syddoar oan de westkant, rjochts klapte de gong op de doar nei de trep en dan op de eastmuorre. It wie in gong om yn te reedriden mei brede slaggen, toffeltsje-toffeltsje te dwaan mei dyn fuotten op heit syn fuotten, op pake syn fuotten, op alle fuotten dy't mar toffeltsje-toffeltsje dwaan woene. Balspultsjes koene ek hiel goed - skoppe wie ferbean - en hoefolle knikkerts hawwe net oer it glêde swilk stuitere? Ut de gong wei koest sa ‘de gewoane keamer’ opstappe, want foar de doar siet in trepke mei twa treden. De gewoane keamer - eins de wenkeamer fan pake en beppe - wie it trefpunt fan de pleats. Hjir kamen wy by elkoar om te iten, te praten, te boartsjen, te kofjedrinken en wat der fierder ek mar yn in keamer dien wurde koe.
Oan de muorre hongen de skippersklok en it-skilderij-mei-de- hoeder-en-trije-skiep-of-binne-it-geiten. Om't de titel troch de artyst - tochten wy - net om 'e nocht yn 'e freegjende foarm steld wie, waard fan elke generaasje in antwurd ferwachte. Al doe't ik fjouwer, trije of twa wie, waard ik op it dressoir set om de fraach fan alle fragen te beäntwurdzjen. It antwurd hong yn 'e regel ôf fan dejinge dy't him stelde. Heit frege net iens wat.
| |
| |
‘Sjoch ris oan, sokke moaie geitsjes!’
‘Bèèèè,’ sei myn antwurd.
‘Net bèèèè, wat sizze de geitsjes dan?’
‘Dy jonge fan dy is net ûnnoazel, it binne skiepkes, of net Jacob?’ flaaike beppe.
Muoike siet op de achtergrûn wat mei te nokkerjen. Ik haw it meimakke, dat ek oan frjemden it fraachstik geregeld foarlein waard. It fuortbestean fan de wrâld koe der wol fan ôfhingje. Fral pake Jappe wie der fûl op. Komselden kaam besite de doar út sûnder in miening te jaan, oft it no in feekeapman of de dokter wie.
‘No ha 'k noch ien fraachje,’ sei er dan by it ôffûstkjen en hy troaide syn proai nei it dressoir.
Ik wit noch dat dûmny Schaap - sa hiet er echt, ik betink dit net - mei in âlderling op húsbesite wie en pake beide mannen beret nei it skilderij ta meneuvele.
‘No moatte jo ris sizze, dûmny, jo hawwe der om meardere redenen doel oer, wat sjogge jo hjir, skiep of geit?’ De manlju bûgden har troch foarhingsels fan sigarereek nei it keunstwurk ta. Nei't er wat op de dizige bisteboel omkuerde, tocht dûmny dat it ‘eerlijk gezegd’ ek bêst geiten wêze koene. ‘Skiep of geit’, it waard in fêste útdrukking yn 'e famylje as der in kar makke wurde moast. Pake, mem, muoike Gel, omke Geart, allegearre lústeren se har mieningen yn myn ear.
Doe't ik lyts wie, die ik as in bern, ik tocht as in bern, ik hearde by it skieppekamp. Wie in skiep net in freonlik bist, it die ommers gjin minske kwea en wiene lamkes net alderleafst?
Wa soe yn de pear bisten gjin skiep sjen wolle? Letter begûn ik dochs te twifeljen, skiep en geiten stiene foar elkoar oer. Geregeldwei stapte ik nei it dressoir ta om de situaasje nochris goed te besjen. Ut alle hoeken wei koekeloerde ik nei de klobkes ferve, dy't in al lang fergetten keunstner ienris op it heidefjild oanstipte. Ik ûntkaam net oan in eigen miening, al hie 'k der noch sa'n hekel oan. Sei ik skiep, dan soe ik pake ôffalle, keas ik foar geit- | |
| |
sjes, trape ik oaren op 'e siel. Gelokkich stjoerde myn wiffe hân it skip yn feilige haven, ik socht en fûn in tredde beaken. Koe it net sa wêze dat wy in foarbygonger mei trije hûnen seagen?
De stilte foel as in bakstien yn de fiver fan de gewoane keamer. Dit wie noch noait fertoand. Pake besocht my oan it ferstân te krijen dat ik samar net fan de titel ôfwike mocht.
‘Dit is net samar in skilderij, it is “it-skilderij-mei-de-hoeder-en- trije-skiep-of-binne-it-geiten”, sa ha wy it altyd neamd, dat meist net feroarje, sjoch nochris better!’
Mar myn beslút stie fêst, ik woe myn farske stânpunt net mear oanpasse.
‘Ha 'k it net sein? Dy jonge tinkt tefolle,’ triomfearre beppe.
| |
Fjouwer
Neist it bedstee yn de gewoane keamer siet in tuskendoar nei ‘de moaie keamer’. Yn de moaie keamer stiene de moaie dingen, de moaie reade stuollen en de moaie, rûne tafel, de moaie pakestoel fan echt lear, de moaie Delftsblauwe fazen, de moaie tabaksdoaze en de moaie kleden. De doar nei de gong ta siet op 'e skoattel en foar dy doar wie de boekekast delset.
Yn 'e boekekast stie tusken de oare boeken in ‘plakkeboek’, beppe har wat betiizjende omskriuwing foar in atlas. De taal hie it no ienkear dreech mei beppe, dat hie altyd al sa west. Sa't in smid izer boppe it oplôgjende fjoer ombûgde, sa bepielde beppe de taal. De atlas wie net in gewoane, mar in ‘Schoolatlas der gehele aarde’. Hoe faak haw ik net oan de hege tafel sitten mei dy hiele, ûnbekende wrâld foar myn sykjende eagen, myn stjoerende hannen, myn reizgjende geast? Dôf en blyn foar alles om my hinne, ûnberikber foar elkenien yn 'e keamer, op 'e pleats en yn de stêd, socht ik de kaarten of. Pake hie my, doe't ik fatsoenlik lêze koe, leard hoe't it register brûkt wurde moast.
It earste plak dat ik opsocht wie de oarsprong fan Gibraltar, ús
| |
| |
trouwe ligusterhage. Ik seach en begriep. It wurd hie noait folle mear west as wat letters, no krige it foarm en ynhâld. Letter pas frege ik my ôf watfoar healwizeling betocht dat in bolbjirken útstekkende hage op it achterhiem fan in Fiyske pleats ferneamd wurde moast nei in bûten de kantige foarm fan Spanje lizzende rotspunt.
It twadde plak wie Batavia, want dat stie op 'e foarkant: J.B. Wolters - Groningen, Batavia. Ik fûn it op de kaart fan ‘De Oost-Indische Archipel’ mei in skaal fan 1: 12.500.000.
‘Moatst der fiif nullen ôfdwaan, dan hast de kilometers,’ wiisde pake, it briltsje healwei de noas. Syn melkerspetsje waard de kapteinspet, ik wie de stjoerman. Hoefolle rûtes haw ik net fearn op de kaart mei ‘de belangrijkste stoomvaartlijnen voor het wereldverkeer onder Nederlandse vlag?’ Ik folge de reade linen fan de ‘Rotterdamsche Lloyd’ om de kusten fan Europa en Afrika hinne. Oeral tilden de reekplûmen fan myn trou skip de kym omheech. Ik sette koerts nei Southampton, Lissabon, Tanger, Marseille, Port Said en Colombo, ik besocht Sabang en Belawan. Pake liet my oanstekke yn Kaapstêd, de fluit op de skoarstien davere troch de keamer en fierder gie it, op nei de Archipel. Ik fear troch ‘Straat Soenda’ op kaart trijeëntritich. Wie ik net yn Soerabaja, Jogjakarta en Semarang op kaart fjouwerentritich? Socht ik net sekuer út hoefier't de ‘Protestantse Zending’ de swetten útset hie? Wêr siet de ‘Utrechtsche Zendingsvereeniging’, wer de ‘Zending der Gereformeerde Kerken?’ Ik wist net better of hiel ‘Nederlandsch Indië’ tilde oant yn de heechste klapperbeammen op fan halleluja- en hosannagerop. En wie dat ek net mei te tankjen oan de sint dy't wy alle moandeis yn masters sindingspotsje rûgelje lieten?
Gelokkich krigen wy ek wat werom. Al dy Maleiers, Bandjarezen, Badjo's, Toradja's, Palembangers en Atjehers krigen it Bliid Boadskip net om 'e nocht. Wat in gelok dat God de boaiem dêr foltreaun hie mei oalje en stienkoal.
‘God tinkt oan alles,’ glimke beppe, mar ik wie noch te jong de
| |
| |
ûndertoan te herkennen, te lyts om te begripen wêrom't pake knypeage. Myn frachtskippen fan de ‘Java - New Yorklijn’ spjalten ûnfersteurber en fol godsbetrouwen de weagen, swier beladen mei staven goud, sulver en tin.
Op skoalle wie ik al gau kening fan de topo, keizer fan de bline kaart, maharadjah fan de Pacific. Myn fêste hân swypke de oanwiisstôk fan west nei east, fan súd nei noard. Master Akkerman hie der nocht oan, hoe dreech syn fragen ek wiene, ik wie op alles fertocht. No ja, net hielendal. De achting fan de skoallebern sloech al rillegau om yn ôfgeunst. It koste muoite om ek achter dy dingen te kommen. It naam hiel wat tiid foar't ik begriep hoe tûk it wie sa út en troch mei opsetsin flaters te meitsjen, al wisten je wol better. Dêr stie ik foar de klasse, beskade troch de mânske kaart dêr't de hiele wrâld mei oseanen en al op ôfbylde stie. Master sei de plakken, ik makke de fouten, de bern glimken tefreden. Ik waard wer opnommen yn de groep, as de ferlerne soan hellen se my binnen. Dochs wie ik net al te bliid. By elke fout dy't ik makke seach ik de teloarstelling op masters gesicht. Sokke dingen learden je net mei beppe har plakkeboek.
| |
Fiif
Us heit en mem wennen de earste jierren fan har trouwen - en fan '42 ôf trouwens wer - by pake en beppe yn. Dat koe maklik, it brede foarhûs wie in romme jas foar elkenien dy't plak hie of plak socht. Ik waard berne ‘op east’, want dêr hiene de timmerlju in tuskenkeammerke begûchele. It wie in wat smelle bedoening, eins hiene der oant fier yn de tweintiger jierren bedsteeën sitten.
‘Tefolle romte driuwt minsken útelkoar, sjoch mar nei direkteur Skelting,’ mem mocht it sa graach sizze.
‘Of witst dat net Jacob, dy man is fan 't wiif, dat hast dochs wol heard?’ ferdútste muoike Gel.
| |
| |
Mar ik wist wer ris fan neat, wat makke my dat no út, ik wie ommers in bern? Ik hie wol oare dingen oan 'e holle, ik moast boartsje, yn 'e kastanjebeam klatterje sûnder derút te fallen, ik moast besykje op 'e fyts oerein te bliuwen, ik moast de tafels leare, ik moast, ik moast en ik moast.
De froulju, hoe ferskillend ek, wiene it oer ien ding iens: foar minsken dy't tefolle hiene, wie it suver ûnmooglik gelokkich te wurden. Al wie de Mammon ús grutste fijân - op De Gek nei fansels - dochs gie it praat ûnder it kofjedrinken yn 'e regel wol deeglik oer sinten en dan fral oer jildkrapte, benammen by de Nauta's, want beppe har kant wie ryk as it kleaster.
‘Jild siket jild,’ se seine it altyd, mar beppe wie gewoan troud mei pake Jappe, ek al wist se dat syn sinten yn it bûthús stiene. Miskien wie se wol in Nauta wurden om de rike skevels ris lekker te berabjen. Hoe't it ek wie, ‘de grutte lju’ waarden mei de regelmaat fan de âld skippersklok op it taffelskleed lein, fan alle kanten beloerd en besprutsen, útelkoar pield, yninoar set, der waard omstannich skodholle, sunige wurden waarden sein. Trije hollen bûgden nei elkoar ta, ien griis-swart, ien brún, ien ljocht: beppe, muoike Gel en mem, as blauwe miggen boppe in deade mûs. Beppe, mei har kantige kop, de krekt wat te grutte noas, it brede kin en de skerpe ljochtblauwe eagen, dy't dwars troch de minsken hinne seagen. Muoike Gel, mei har ivich rûne briltsje healwei de noas, de bolle wankjes en har ûntefreden toet, dy't samar omsloech yn in triennemûltsje, want alle foarmen fan gûlen, snokkerjen en earmoedzjen waarden geregeldwei en mei ynmoed yn stelling brocht. Mem, mei har ljochte krollen, dy't op elke beweging fleurich mei dûnsen boppe har leaf gesicht. Mem, dy't de frede socht, al giselen de swierste stoarmen oer ús hinne.
Direkteur Skelting wenne njonken it fabryk oan it kanaal. As ik de feart om rûn kaam ik der altyd by lâns. Frou Skelting wachte geduldich op myn kommen. It miste net, as ik delkaam skeat har fûgelkopke krekt boppe it finsterbank út en swaaide se nei
| |
| |
my mei in los wapperhantsje, sa't allinnich ‘grutte lju’ dat dogge. Se pielde graach wat yn 'e tún om. It wie net samar in tún, o nee! De Skeltings hiene ‘swarte grûn’, weinfollen wiene deryn riden en it ferskil wie te sjen. As by ús de klaai bonkehurd yn 'e sinne lei te bakken, wie de swarte grûn by ús buorlju noch sa los as wat. Der stie ek allegear guod dat in oar net hie, mefrou wie der altyd mei oan 'e gong. De blommen, strûken en beammen wiene suver har bern, teminsten, dat tocht pake: ‘Froulju sûnder bern moatte wat oars om hannen hawwe.’
Achterhûs stiene trije wichterbeamkes en wa hie dat no? Gjinien! As de fruchten ryp wiene, mocht ik de tún yn om se tusken it gers wei te sykjen. Mem prottele der wolris op om. Wichters ite yn de tún fan ‘sokke lju’ wie net netsjes, it wie skoaie en wie it dan net krekt of hiene je neat op 'e melis? Ik hie der gjin problemen mei. Wichters wiene ferhipte lekker, swiet as huning en as mefrou it goed fûn, wat makke it dan noch?
Har direkteur kin ik minder goed foar my krije. Hie er dan gjin gesicht, gjin skonken, earmen, liif? Dat wol, mar ik sjoch allinnich noch syn fûle eagen en de gongelstôk, dêr't er mei kuiere. By alle stappen swaaide er dat ding mei in sierlike es-bocht troch it hielal, earst in slach om 'e sinne, dan fia Mars en Jupiter presys njonken de rjochterfoet, om by elke folgjende stap dy bjusterbaarlike beweging te herheljen, in perpetuum mobile út 'e tritiger jierren.
Ik bin ris in ein achter him oan gien, oer de kaai, it Spoarrûntsje del, oer it spoar, by de reed lâns, werom nei de stêd ta en dan troch de Emmastrjitte by de trambaan lâns op hûs oan. Ek kuiere er wol oer de bolwurken de hiele stêd om, soms wie syn frou mei, meastal wie er allinnich. Eins is it net dy stôk - ‘sis noris dúdlik watst bedoelst, Jacob!’ - dy't ik foar my sjoch, it is mear de rige es-bochten dy't oant de dei fan hjoed ta yn de strjitten, boppe de kaaien en de bolwurken hingje moat. Of soene se as toar gers ferwaaid wêze?
In jier foar de oarloch - wy soene hast ferfarre nei Ingelum - binne de Skeltings skaat, in fulkaanútbarsting yn it stedsje. De
| |
| |
trije hollen bûgden wer, triljend fan sensaasje, nei elkoar ta.
‘Dat hast as de bern net komme wolle,’ suchte beppe, ‘sûnder bern kinst wol ophâlde.’
‘Mar je kinne ek fan elkoar hâlde,’ biet muoike Gel mei smelle lippen en skerpe tosken.
‘Hâld is kâld, sa is de wrâld,’ sprekwurde beppe deroerhinne, ‘en al hielendal by sokke grutte lju, dy sitte allinne mei 't liif yn tsjerke.’
‘Oordeelt niet, opdat gij niet geoordeeld worde!’ bibele muoike werom, wylst se lilk oerein kaam.
‘No kalm mar, en hâld jim beide stil, Jacob hat ek earen,’ bêde mem de boel del, ‘grutte lju of lytse lju, it sil noait in soad útmeitsje.’
Mei in holle fol fan gedachten rûn ik nei de skuorre ta. It wie dus hielendal net fanselssprekkend dat folwoeksenen fan elkoar holden en by elkoar bleaune, sa't ik altyd miende. Heit en mem hiene elkoar heech, al sei heit it measte net, mem prate wol. Mar ek as wy stil by elkoar sieten, hie ik net it gefoel dat der wat mis wie. By Harm thús wie dat net oars, eins by gjinien dy't ik koe. De frede hong as in waarme, wollen tekken oer ús bestean, der wie gjin reden foar ûnrêst en bange dreamen. Dat myn holle dochs noait ophold fan tinken, kaam allinnich mar fan mysels, wie ik net in echte Nauta? Dochs wiene de direkteur en syn frou út elkoar gien en op de ien of oare manier ferskode dat myn tinken. Wie it om't se sa ticht by ús wennen of om't de direkteur sa belangryk wie? Ik gie nei achteren ta, noait hie ik derby stilstien dat troude minsken, dy't by ús tsjerke hearden en sawat by ús yn 'e moaie keamer wennen, skiede koene.
| |
Seis
Yn jannewaris '42 kamen wy werom op pake syn pleats. Neffens heit en mem wennen wy te ticht by it Ljouwerter fleanfjild om
| |
| |
feilich te wêzen en, al hie it wat muoite koste, de ferhierder wie akkoart.
‘It is hjir strak echt oarloch,’ besocht heit.
‘De bommen stowe ús daliks om de earen,’ hie mem betocht.
‘En se kinne ús sa wol deasjitte, by pake en beppe binne wy better ôf,’ sa waard de gedachtegong ôfmakke.
‘Mar ik wol hjir bliuwe,’ sei ik.
It is hjir sa spannend, tocht ik der achteroan.
Wat wie der net te sjen op de ‘Fliegerhorst’, hoe faak rûnen wy net troch de boulannen nei it fleanfjild ta om al dat prachtich sjitark te bewûnderjen?
It wurd wie ‘Messerschmitt’. Op in net mear te achterheljen plak, op in net mear nei te kommen punt op de tiidbalke, wie dat wurd neamd wurden. Dat wie dien sûnder spesjale bedoeling, troch net mear op te spoaren folwoeksenen. Jongesearen hiene it lykwols opheind, jongesgedachten hiene it hoeden hifke, deroan preaun, it fan alle kanten besjoen, oertocht en wer útspuid. It wie útsprutsen, beneamd en noch in kear beharke. Wer bedarre it yn de skiere romten fan bernehollen, de klank wjerkeatste op fluezen en bonkjes yn it binnenear, de struktuer waard op 'e nij ôftaast. Doe waard it wurd wer sein, no troch bernemûlen: Messesmyt. Dêrmei waard ek de betsjutting helder, ús eagen sochten en fûnen de iepeningen yn de romp dêr't de messen troch ôfsketten waarden. Ek ûntdutsen wy tusken de bommen en kûgels de kisten mei skerpe knyften achterop de frachtweinen.
Yn de earste oarlochsjierren koene wy sûnder al te grutte muoite by it fleanfjild komme. Wy moasten foar in grut part oer it lân fan Syp Hiemstra en dat wie benammen by 't winter wolris in toer. As Hiemstra yn 'e buert wie, stjoerde er ús altyd fuort, dat it wie saak goed nei te gean wêr't de âldman tahold. Boppedat wie er net te beroerd ús oan te jaan by heiten, memmen, pakes, beppes, skoalmasters of skoaljuffers. Taspraken folgen, nije wetten waarden oplein, mar alle goaden fan 'e wrâld wiene net by steat ús by it fleanfjild wei te hâlden. By 't simmer wie it minder
| |
| |
dreech. As de frucht op it fjild hegernôch stie, wiene der slûpgongen en krûppaadsjes by de rûs om by de startbaan te kommen.
En dêr sieten wy dan, op in eptich rychje achter de sleat, de natuerlike grins tusken frede oan de iene, en oarloch oan de oare kant. Feilich wie it, de soldaten fûnen it ek net slim as wy dêr sieten.
It moaiste wie fansels as de Messesmiters de loft yn stoden. Earst stie dan in ploechje fan dy masines wat ûngefaarlik te brommen oan it begjin fan de baan, dan begûnen se te janken, it gas waard iependraaid en dêr skeaten se ús kant op. De stipkes waarden stippen, grutter en grutter, oant it fleanmasines wiene.
Wer waard der in wurd neamd: Wibel.
Dat wie ien fan de piloaten, de alderaardichste fleaner dy't wy ús mar yntinke koene. As it ploechje Messesmiters oan 'e ein fan de baan in pear meter boppe it gers by ús lâns gisele, wie hy de iennichste dy't even hinne en wer wibele as wy sieten te swaaien. Oan de oare kant sleat wie it oarloch, oan ús kant frede. Wy swaaiden as de fleantugen yn de loft op klauden en de piloaten laken en swaaiden werom.
| |
Sân
Nei syn dea op 22 maart 1941 waard omke Geart hieltyd sterker. Foar syn dea koe er dy optille mei twa hannen, koart nei syn ferstjerren koe er dat al mei ien hân, wer letter mei tûme en wiisfinger, noch wer letter mei tûme en wiisfinger sûnder derby te hymjen en op it lêst wie it safier dat er dy al optille koe troch allinne mar nei dy te sjen.
Foar't er stoar wenne er ‘op west’, earst tegearre mei muoike Gel, letter, doe't wy ôfsetten rjochting Ingelum, allinnich. Yn de foarkeamer bewarre er syn spierballen, hoe faak kaam ik net del om te sjen hoe't er dy hurde bulten út 'e mouwen fan syn baaien
| |
| |
himd rôlje liet? Om syn krêft yn folle gloarje sjen te litten, die er it boesgroentsje út, strûpte er de mouwen omheech, rûn nei de kast, luts it twadde laad fan ûnderen iepen, pakte ien fan syn spierballen, seach my strak oer it skouder oan, treau, wylst er him omdraaide, de bal teplak en dan mocht ik deroan fiele. Bonkehurd wie dat ding, de spieren stiene strak as de kabels fan de weetskippen by de Koöperaasje en dat wie dan noch mar ien.
Mei deselde proseduere waard ek de oare bal op 'e earm set en dan gie it oan. Omke pakte my om 'e mul - dy grutte hannen sieten as in bankskroef om my hinne - en dan tilde er myn fine lea in pear kilometer boppe de holle.
‘Wolst noch heger, Jacob?’ rôp er dan.
‘Nee!’
‘Wat seist?’
‘Neeeee!’
‘Wat seist, ik hear dy net!’
‘Nee omke, nééééé!’
By elk nee kamen der hûndert ekstra meters op 'e hichteteller. Op it lêst stapte omke op ien fan de stuollen, sadat ik tusken de balken troch fleach. Mei eagen op stokjes en earmen wiid besylde ik de stille wrâld tusken de balken, in wikeltsje, heech yn 'e loft. Ienkear boppe by de ljochtblauwe, planken himel woe ik dêr noait wer wei. Ferwûndere beseach ik de naden, de fine skuorkes yn 'e ferve, de spintsjes dy't ferheard foar myn sykjende fingers út stoden.
Ik seach by de earmen fan omke Geart del hoe't er my oanlake mei syn brede, glêdskearde kop, syn laitsjende eagen, syn kromke fertriet. Ik koe de dingen doe noch net rjocht beneame, mar fiele die ik se wol. Der wie wat mei omke Geart dat my oanluts, ik mocht sa graach by him tahâlde.
As de ekspedysje troch de hege loften op syn keamer foarby wie en ik wer mei beide fuotten op 'e grûn stie, draaide er him om, skodde de spierballen út 'e mouwen wei en lei se werom yn it laad.
| |
| |
‘Poppetje gezien’ en omke seach my oan...
‘Kastje dicht,’ pûste ik it sechje út.
Yn tsjinstelling ta de oare manlju, soarge omke Geart derfoar dat er der altyd tiptop út seach.
‘Wêr is omke, hast him ek sjoen?’
‘Nee heit.’
‘Sit er wer foar de spegel te donderjeien,’ wist heit dan te melden.
En sa wie it presys, de spegel fan omke wie net gau tefreden. Op it boppeste plankje fan it spegelkastke stie fan alles. As omke him skeard hie mei wolken skûm en it flymskerpe meske, wreau er wangen, kin en hals yn mei rûkersguod. Ik stie der steefêst op kop en earen by, by al dy skearende heiten, pakes en omkes, mar omke Geart wie de iennichste dy't mý ek skearde. ‘Sitdaundzjekkyboai,’ sei er dan, want, al hie God dat ferbean, omke gie wolris nei de film. Op 'e stoel waard it hurde kessen lein en dêr siet ik each yn each mei mysels, in smel bern - ‘moatst mear ite, Jacob’ - mei útsteande earen, tolve skeinspruten op de fine noas en in krekt wat te hege foarholle. Twa ferbjustere eagen seagen my oan, fregen my wa't ik yn 'e frede wie en ik wist sa gau gjin antwurd. Omke Geart syn spegel lake as myn wangen weidûkten ûnder wolken skûm, as myn noas oanstipt waard mei it lêste bytsje.
‘Dêrkomtitmesdzjekkyboai!’ mar it wie de achterkant fan de kaam.
Hoeden kaam de my sa fertroude Jacob oan it ljocht en ik ferwûndere my deroer dat de spegel elke kear sa goed wie en jou my myn eigen gesicht werom. Dan kaam it stjonkfleske, omke wreau myn wangen read en fjurrich, dreau tûzen nullen yn myn tinne hûd. Ik raasde it út fan pine en opwining, hoe spannend wie it allegearre. Omke fage my de holle skjin, it spektakel wie foarby.
‘Kom op Dzjekkyboai, moatst mar wer ris oppakke, strak komt muoike Gel en dan krij ík wer op 'e hûd,’ stjoerde er my fuort.
| |
| |
‘Wêr hast sitten, Jacob, Jim mem siket dy,’ filtere beppe.
‘By omke..., rûk mar!’ en ik draaide in wang nei har ta.
Beppe bûgde foaroer en skodholle.
‘Wat stjonkst, hat omke dy wer ris skeard?’ wylst se myn earen neiseach oft der ek noch skûm yn siet. Beppe liet omke mar wat gewurde, mar heit net. Under it iten sei er wolris dat omke ‘sokke dingen’ net dwaan moast.
‘Hoe âld is dy jonge no, brûk dyn ferstân,’ bebiet er de wurden.
‘Wat makket it, bist al grut, of net Dzjekky?’
Ik sei mar neat - wat wie der mis mei ‘sokke dingen’ - en waans kant moast ik kieze? Dat wiene de mominten dat omke syn eagen net laken, ik seach it fertriet as wy oan tafel sieten en heiten-dy wat op him om prottelen.
‘No ophâlde,’ sei mem, ‘safolle ferkeards sil der net yn stekke.’
Al dy dingen en noch folle mear betocht ik, wylst ik by omke syn sterke spieren delseach op de djipte fan syn keamer, de kast mei de laden en de klep, dy't útklappe koe en dan seachst noch seis laadsjes mei allegear rommeltsjes, boekjes, foto's en wat al net, de lytse tafel, de noch lytsere stuollen op it reade kleed, de skearspegel, it kastke mei it stjonkfleske en de kaaien fan de kast derboppe-op, it skûmbakje en de kwast. Wylst ik tusken de balken troch fleach mei de earmen wiid, de eagen iepen en fier yn 'e fierte it geprottel fan heit-en-dy op omke Geart hearde, wie ik yn in oare wrâld, feilich ûnfeilich, fertroud en spannend nij. De machtige hannen fan omke stjoerden my en syn mankelike eagen folgen my troch de jierren hinne oant op de dei fan hjoed ta.
| |
De ljedder
Hy leit de stiennen, ienfoar ien foar ien. It is in reis, in tocht oer de ljedder fan syn bestean. Net omheech, dêr hat er noait muoite mei bân. Nee, it is de delstap. De djipte lûkt him nei ûnderen ta, ûnt- | |
| |
komme kin er net. Hy is as in rivier, berne út ranend iis. Stadich dript it wetter oer de kâlde stien.
De waarmte fan in moaie dei yn juny - it is al tiden kreas waar - hinget yn 'e loft. It is noch stil, de stienhannel is net ta oan de earste klant. In jonge dy't krekt de sinneskermen nei ûnderen draaid hat, komt op him ta.
‘En, sit der wat foar jo by, der is genôch!’ Hy kôget de wurden sûnder him oan te sjen, de eachlidden hingje op healwei. Neist syn bulterige noas gnysket in giele pûst him út. Under de standertfraach faget er de hannen ôf oan syn griene stofjas.
‘Ja, ik wit net, ik sykje eins om wat basalt, ha jim dat ek?’
De fraach falt swart en driigjend as de stien dêr't er om freget mei in plof op it middenpaad fan Veneboers stienhannel ‘voor al uw bestratingen’ del.
‘Basált, eh... nee, ik leau it net, wat is dat?’ freget de oankommend spesjalist.
No witte syn eagen de klant wol te finen. Tusken de teisters troch taaste se him ôf, it lange liif, de krekt wat te grutte hannen en fuotten, de wat trystige kop mei wetterige blauwe eagen, útsteande earen, te grutte noas mei fan dy fine reade ierkes oan 'e ûnderkant en as kroan in noch ticht bosk griis hier. Wat is er foar him oars as in âld fint, in lestige klant dy't fierste betiid de rêst fan syn moarnske rituelen fersteurt?
‘It binne gjin klinkerts, it is natuerstien,’ ûnderwiist de man him, ‘mar dat ha jim tink ik net?’
‘Nee, wol waaltsjes en dikkoppen, bákte stien, ek hiel moai foar de tún,’ besiket de jonge, mar oan dizze âlde is gjin salve te striken.
Op dat stuit komt de baas fan it spul oansetten, in hecht man mei in stevige bril healwei de noas.
‘Kin ik helpe?’ freget er al op in pear meter.
‘Hy wol basaltstiennen,’ jout junior beskuldigjend oan om dan wat stúmsk mei de skouders foardel fuort te slofkjen.
| |
| |
‘Basalt seit er... Sokke knapen witte net iens wat dat is, basalt. Is ek gjin fraach nei, fansels. Se wolle betonstien, mar ik sis der niks fan, hannel is hannel. ...Veneboer,’ en hy stekt in berette hân op de man ta. Basaltklanten krije in persoanlik wolkom, dat is dúdlik.
‘Ik moat it wol bestelle, soks ha wy net op foarrie,’ en sa bedarje se op kantoar.
‘Om hoefolle kante meter giet it?’ freget er wylst er in papier nei him talûkt.
‘Net iens ien, ik hoech mar sân losse basaltblokken, fan dy seiskantige, kin dat?’ freget de man wat ûnwis.
‘Alles kin, mar dat wurdt net in lang paad.’ Oer syn bril hinne freegje syn eagen. Ien tel sit de klant yn bestân. Dan beslút er it hjir mar by te litten, soks is net yn in dei út te lizzen en Veneboer sil noch wol mear klanten te wurd stean moatte.
‘Mei ik jo namme?’
‘Nauta, J.’
‘Nije wike tiisdei is 't der wol.’
‘Wat jildt it?’
‘Soks giet per kilo, mar mei in bankje binne jo in hiel ein.’
Jacob Nauta komt oerein en rint nei de auto.
‘Jo sjogge my wol ferskinen.’
‘Goeie en o ja,’ ropt Veneboer, ‘basalt is altýd seiskantich.’
Santich jier is er wurden, santich jier! Al doe't er yn 'e tweintich wie, betwifele er oft er de tritich helje soe en by elk tsiental luts deselde gedachte as in komeet oer it firmamint fan syn gedachtewrâld. Hy sit op de râne fan it bêd en sjocht nei syn teannen, dy't identyk binne oan de teannen dy't er de dei dêrfoar ek al hie, hy wriuwt de sliep út 'e eagen wei. Alwer in dei en net folle oars as alle oare dagen, dy't him stik foar stik in eintsje fierder op 'e tiidbalke delset hawwe, in rêd dat de wetterstream oppakt en oan de oare kant wer frijlit. Hy sjocht om him hinne, nei de stereo, de posters mei sportauto's en Claudia Schiffer, dy't him út alle hoe- | |
| |
ken en gatten wei bemoedigjend oanlaket. De sliepkeamer fan Jaap, dy't no op Skylge yn de hoareka in bûssint byfertsjinnet. Wat is er bliid dat er hjir net wennet, yn de deade nijbou op 'e Jouwer, tusken al dy oare wenten, dy't allegear in bytsje mear fan itselde binne, en dy't stik foar stik by de oaren oer de konifearehagen loere mei ruten as holle eagen.
Dochs is er tefreden. Fansels, hy hie ek gewoan in hotel nimme kind, om syn dingen te dwaan en dan gau werom nei Itaalje. Mar dit hûs is in perfekte útfalsbasis en boppedat, sa hat er in auto, in fikse Subaru Forester, dêr't er Jilt - de iennichste kollega dêr't er noch kontakt mei hat - en Hiske juster mei op it fleanfjild fan Eelde ôfset hat foar in trip fan tsien dagen nei Malta. Hy beslút om njoggen oere by Veneboer te wêzen om de basaltblokken op te heljen. Nóch sa'n foardiel fan in Subaru: hy hoecht gjin karre, dy stiennen kinne der sa yn.
Frjemd leech fielt er him. Hoe lang hat er nei dizze dei útsjoen? Tsien jier? In hiel minskelibben? Hoe faak hat er elke stap repetearre? De kearen dat er alles oertocht, binne amper te tellen. Sels de wurden hat er fêstlein, like fêst as de sân stiennen achter de bank. Rigels fan Rilke hat er útsocht foar dit momint, healwei 't Fean en Snits:
Ich lebe mein Leben in wachsenden Ringen,
die sich über die dingen ziehn.
Ich werde den letzten vielleicht nicht vollbringen,
Aber versuchen will ich ihn.
Hy seit de rigels dy't him sa dierber binne, lûdop. Sa skikt er de dingen fan syn eigen bestean ûnder de gedachten fan de dichter.
De dei is licht, dûnset hast gewichtleas boppe de wide fjilden, dy't nei it giele ljocht fan de sinne ta kantelje, boeren glydzje hinne en wer foar de twadde sneed. Bliid wurdt er, as er sjocht
| |
| |
dat sy noch ûnderdiel útmeitsje fan it lânskip, dat har foarfaars mei bleate hannen en in soad gebealch stal joegen yn it skiere ferline, dêr't er sels ek yn thúsheart. Alle kearen as er werom is, falt it op hoe lyts alles is. Allinnich de plakken pûlje hieltyd fierder út, rûnwegen omspanne de monotoane nijbouwiken oant se barste, wer safolle pûnsmiet bêst lân nei de barbysjes, noch mear nijbou, alwer deselde patroanen en de safolste rûnwei foltroppe mei rotondes en stopljochten.
Is dit Snits? It sil wol, de namme stiet op 'e buorden, mar fan it stedsje sels krijt er net folle mear te sjen as de pûsten dy't alle oansichten hjoed de dei fergrieme. Oer it spoar nei Drylts - dat sa'n trein noch riidt! - lit Snits de yndustriële kant fan de wol- feart sjen. In reklamefrommeske toant him fiif tellen lang de wei nei in boumerk, dan fragmintearret se en feroaret de foarstelling yn in bankstel dat hjir blykber te krijen is. De rûnwei wol noch fierder, mar Jacob is bliid dat er ôfslaan kin rjochting Boalsert.
It begjint waarmer te wurden, hy wol it rútsje iependraaie en nei't er de hiele auto sawat ôfsocht hat, fynt er it knopke dat der yn Japan foar makke is. Troch it iepen rút rûkt er it farske gers, de swiete lucht fan wijreek dy't de simmer as in preester oer it lân útsieddet. Djip sykhellet er, sa djip dat it him hast sear docht. Elke minút, elke tel moat er meimeitsje, bewust, hy wol letter weromtinke kinne en ferjitte.
Nei Boalsert nimt er de nije wei nei Wommels ta, it doel fan de reis komt yn sicht. Hy riidt it Spoarrûntsje om, sjocht hoe't de Wilhelminabuert derhinne leit en stoppet ferbjustere.
Sawat alle huzen lizze plat, allinnich de strjitten lizze der noch, weidûkt tusken it túch.
Even hat er muoite him te oriïntearen, de stêd sjocht der sa oars út, in klown dy't fergeat him op te meitsjen en net snapt wêrom't it publyk net laket. Fierderop dekke fabrykshallen de loft ôf, mar fan har bestean wist er ôf. Hy skodhollet en fernimt dat syn eagen ûnwillekeurich it plak sykje dêr't de pleats stie.
| |
| |
Dêr stiet pake, oan 'e kant fan 'e wei, hy stekt de tûme omheech en wiist nei heit en omke Geart, dy't gatten en bulten op de reed sljochtsje. Beppe stiet by it hinnehok skean achter it-húske-mei-de-balke en se ropt fan ‘no-no’ as se sjocht wa't der yn dy grouwe Subaru sit. Mem hinget de wask oan 'e line en muoike Gel draaft nei Gibraltar, dêr't se noch alle dagen wachtet op Harrie Boven, earste stjoerman op de Melba.
Hy skodhollet as er de oergong nimt nei it Binnenpaad. Hy folget de reed, dy't er niiskrekt fan de oare kant ôf ynride woe, in hûndert meter, wrakselet de Jap om in auto hinne, dy't heal op it paad parkeard stiet en krûpt yn 'e leechste fersnelling op it joadeplak oan. Dan spatte syn eagen op: ‘Hee, Jacob, wurd ris wekker man, bist hjir wol goed?’ Se draaie har fluch om nei it ûnthâld, sykje yn kaartebakjes, starte kompjûters op en strune it ynternet ôf. Drok wurdt der oerlein, dit kin dochs net? It ûnthâld besiket in ynterpretaasje te jaan, mar lûkt al gau oan 'e skouders: ‘Neenee, wy witte ...’
Wat ha se hjir dien? It stek sit kreas yn 'e ferve en dy twa Davidsstjerren, wiene dy der doe ek al? En dit kin er hielendal net begripe, de útwynde muorre stiet kant en mânselheech foar syn noas en dat heart net sa te wêzen. Sa heech wie dy muorre net, koest mar útsjen, oars seach Busse dy en dan wie it net bêst! As bern dûkten je dan achter de reiden fan it âlde sleatsje, Busse stie somtiden samar op it hôf. Mar no kinst fan bûtenôf de sarken net iens sjen, wat ha se hjir dien?
De auto set him in eintsje foar it stek ôf, mar no't it stil is, heart er wat oars. Healwei it útstappen bestjurret er, krekt of hat er wat fergetten. De earen begjinne ûnrêstich hinne en wer te skeuken: ‘Wêrom is it hjir net stil, wêr komt dy muzyk wei?’
Dan meldt it wurge ûnthâld dat der blykber immen op it hôf is: ‘Hast dy wein net sjoen? Dy auto dêrst yn 'e leechste fersnelling omhinne toarke bist, sietst ommers noch te fûterjen dat ien samar op 'e Spoarreed park...’
...Wat is dat foar muzyk? Hy harket der in skoftke nei, want
| |
| |
hy kin it yn 'e alteraasje earst net thúsbringe. Bach, dat is helder, mar wat? Pas nei in tsiental maten heart er... Och fansels, ien fan de Brandenbürgische konserten. Hy gokt op nûmer seis, mar dat is allinnich om't it sa stadich spile wurdt.
Mei de skonken heal op it skulpepaadsje oertinkt er de situaasje. Dit is noait by him opkommen, de gedachte dat er net allinnich wêze sil, dat minskehannen wat feroare hawwe oan it joadehôf. De muorre is opmitsele, in nij stek en wat soe der noch mear dien wêze? Hy sjocht oer it skouder nei de sân basaltstiennen achteryn en hy wit it domwei net mear. Trochsette? Moarn mar wer ris sjen? Staf-en-af stiet er neist de auto - sitten bliuwe lost ek neat op - rint nei it heal iepensteande stek en set him te skrep foar de folgjende slach. Och Heare, leave God, sjoch noris.
It.Hiele.Joadeplak.Bestiet.Net.Mear.
De stiennen steane as soldaatsjes by de trije paden lâns - wiene hjir trije paden? - opsteld, klear om ôf te marsjearen, allinnich De Gek ûntbrekt der noch mar oan om it befel te jaan. Wa hat dit betocht? Wêrom ha se neat frege? Hoeden set er in ferbjustere foet op it middenpaad, in reedrider dy't it nei twa nachten frieswaar ris besykje wol.
‘Middei!’
Skean achter him sjocht in heal gesicht, bekroand mei in fikse prúk brún hier, him mei ien taknypt each oan. Ek sjocht er in fine kwast, dy't foarsichtich omheech hâlden wurdt, oars dript de swarte ferve derôf.
‘Ek middei,’ seit er, ‘eh... noch oan 't wurk?’
Hy rint werom nei de hoeke dêr't it famke - frou? - dwaande is. Se hat in bloeske oan, blau mei swarte streekjes, de mouwen opstrûpt. De hierkes op de earmen ljochtsje as fjoermichjes op yn de waarme sinne. In bermuda en in pear sportskuon meitsje it byld kompleet, in jonge frou, drok dwaande de skie- | |
| |
re joadeletters wat op te heljen, sadat de boel wer in skoft mei kin.
‘De oaren binne fuortgien, se woene noch even nei de stêd, mar ik tocht, och, ik kin likegoed noch wat trochsette, ik wol hjoed dizze stien ôfkrije.’
Yn 'e hoeke by de muorre steane twa swarte amers en in flesse sâltsoer.
‘Sûnder dy rommel krijst dy stiennen echt net skjin, dat mos is taai as hier.’
‘Ik leau jo graach, ...wêrom dogge jo dit?’ freget er wylst er it hôf oereaget. Gelokkich, de súdwesthoeke is noch leech. Mei skrik betinkt er dat it ek hiel oars wêze koe, wêr soene syn stiennen dan lizze moatte, dat hie noch in hiel probleem west. No is der teminsten plak, al freget er him wol ôf hoe't it basalt lizze moat en... sil men syn ferjitstiennen lizze litte? Tastimming hat er net, net sa gau oan tocht by alle tariedingen. Even freget er him ôf hoefolle stommer - ‘skerpje dy ris wat op, Jacob!’ - in minske noch wurde kin.
‘Frijwilligerswurk, it hong by ús op it prikboerd.’
Se makket in M ôf, faget in loshingjend túfke hier yn model en set de kwast yn in potsje terpentyn. Mei draait se har om en yn in flits - hy fynt sels dat er der neat oan dwaan kin - sjocht er ûnder har bloeske it bewurke rântsje fan in himd op de gloaiïngen fan har lytse boarsten.
‘Sitte jo noch op skoalle dan?’
‘Op de VU, teology,’ se stekt in hân út, ‘Ella Tysling en sis mar do, oars fiel ik my sa âld.’
‘Jacob Nauta...’
Se pakt in plestik taske, komt oerein - se is lytser as er tocht - en wiist nei de súdmuorre.
‘Dêr is wat skaad, sille wy dy kant op, dan kin ik wat ite.’
‘Fine jo dy muzyk ek ferfelend?’
‘Ik bin al lang bliid datst gjin knallûde popmuzyk oan hast.’
Se knikt tefreden: ‘Wolle jo ek wat drinken, wat fris?’ Se hellet
| |
| |
in flesse SiSi út it taske en rikt him, sûnder it antwurd ôf te wachtsjen, in oranje beker ta.
Dêr sit er dan, Jacob Nauta, mei in Ella Tysling, dy't teology studearret yn Amsterdam, oan 'e fris, wylst er eins sân basaltblokken lizze wol en dêrfoar yn Itaalje in folslein senario by elkoar prakkesearre hat, kompleet mei teksten en alles derop en deroan.
‘Wat tochten jo, ris even sjen hoe't de boel der hjir hinne leit?’
Hy nimt in beslút, drinkt de beker leech en bokselet oerein: ‘Wolst dat witte?’
Hy wachtet net op in antwurd, rint oer it sydpaad nei de yngong, rôlet it earste blok út 'e Subaru en tilt de stien nei de iepen hoeke ta, set de fuotten foarsichtich út elkoar, sakket troch de knibbels en set de earste stien op it gers. Hymjend ploft er wer neist Ella del.
‘Poepoe, dat... falt ôf...’
‘Moat dit fan de restauraasjekommisje of sa? Hjir wist ik neat fan...’
Hoe moat er no in antwurd jaan? Wat hat in oar dermei te krijen hoe't Job en hy de dingen ôfbreidzje? Mar se sjocht him sa goedmoedich oan. Wat sit se dêr noflik mei de knibbels omheech yn har blauwe bloeske mei oprôle mouwen in pear stikjes bôle te behimmeljen en hy kin der neat oan dwaan, hy fielt him by har suver op it gemak.
‘Dat is... in hiel ferhaal, mar ik sil...’
Benijd sjocht se him oan, wat moat se hjirfan tinke?
Syn foet fynt in hâld op de sechsde trieme. De skerpe houten râne byt him fêst yn it sachte fleis om net wer los te litten. It bloed jaget troch syn ieren, as de oare foet ek in plakje fynt. Tichter by de wierheid, hieltyd fierder fan de leagen ôf Syn hannen glydzje mei en der is neat dat him opkeare sil.
| |
| |
| |
Acht
Sjoerd sei ‘ferdomme’.
As de situaasje oanlieding joech, plakte er der foar de wissichheid Gods namme foar, want je wisten mar noait wêr't dat noch goed foar wie. Net dat elke sin op sokke knopen útrûn, mar der hoegde net folle mis te wêzen. Earlik sein hie 'k der wat in hekel oan, de earen klapten my sawat fan 'e holle as Sjoerd foar de safolste kear gjin maat hold. De grifformearde kant fan God ferstie op 't lêst gjin grappen, wist er dat dan net?
‘Gij zult Gods naam gebruiken,’ sei dûmny Schaap alle sneinen as er de geboaden opleppele oan de dôve gemeente. Dat er der ‘niet ijdel’ tusken sei, dearde Sjoerd net, hy wist net rjocht wat dat betsjutte. Sokke slimme Hollânske wurden koene je neffens him better fuortlitte, dan waarden de preken in stik dúdliker.
Hy flokte
- as it storeinde
- as it fûler reinde
- as de sinne skynde
- as er mei de mjukskroade fêstrûn
- as syn pet yn 'e groppe foel
- as it glêd wie
- as der in stientsje yn 'e klomp siet
- as er ‘in moai wiif’ seach
- as er in plaatsje fan ‘in moai wiif’ seach
- as er syn ‘rotsinten’ krige
- as de Alde Swarte it wol leaude
- as in ko net fansiden woe
- as de biten te drekkich wiene
- as de kofje hyt wie
- as de kofje lij wie
- as de kofje kâld wie
| |
| |
- as de heawein troch in kûle batste
- as er in ‘Germaan’ tsjinkaam
- as er op 'e tonge biet
- as it betiid ljocht waard
- as it betiid tsjuster wie
- as ik him ‘foar de bonken’ rûn
- as wetter oer de râne fan de amer pjutske
- as de Brune Bels net om 't lyk woe
- as it winter waard
- as er in ljipaai fûn
- as er neat fine koe
- as er wat fong
- as er de iel net fan 'e heak krije koe
- as de brân net yn 'e sigaret woe
- as de hoanne kraaide
- as der gjin reden wie
Sjoerd flokte net
- as beppe yn 'e buert wie
As beppe yn 'e buert wie, tocht er der handich om gjin mâle wurden te sizzen. Beppe hie net al te folle nocht oan de taal dêr't Sjoerd sa graach gebrûk fan makke. Hy seach allegeduerigen om him hinne, hie der suver wat in hekel oan as beppe wat fan him hearde dat net troch de mesken koe. Dochs wie de reaksje fan beppe minimaal. Se seach him even oan, grommelé in ûnfersteanber wurd, mar blykber wie sa'n bromwurdsje genôch. Hastich breide er syn sin yn it fatsoenlike ôf.
Dochs besocht Sjoerd de swetten te ferlizzen. Hy begûn mei ‘blikjepibe’ en ‘potjandûbeltsje’, ûnskuldige warden. Beppe seach allinnich mar even, hifke de flokken dy't dat eins net wiene en liet it ynearsten gewurde. Doe besocht er in stapke fierder te gean. De wurdsjes ‘ferjamme’ en ‘fergeemje’ waarden berne. De Nauta's stiene ferheard om de widze, beharken de nije poppen,
| |
| |
lutsen oan 'e skouders en lieten it mar sa. Sjoerd krûpte fierder en fierder nei it rântsje, krekt in ûndogens bern. No kaam de grutte tuskenstap nei ‘ferdomme’ ta, dêr moasten wy ‘potdomme’ wol even oan wenne! De earste kear dat er it sei, foel der in koarte stilte.
‘Sa kin 't wol, tink?’ fûn beppe, ‘sokke wurden meisto net brûke, dat witst hiel goed!’
Tagelyk raande ek it draachflak foar ‘ferjamme’ en ‘fergeemje’ fuort. Sjoerd hie te stoef west.
‘Ik mei hjir ek neat,’ sei syn fûtermûle, mar syn eagen laken. Hy hie it in moai spultsje fûn.
| |
Njoggen
Nei ús ferfarren nei Ingelum soe der romte komme yn 'e foarein. Omke Geart en muoike Gel koene no einlings útinoar en dat waard tiid ek. Teminsten, dat fûn elkenien dy't der doel oer hie en dat wie elkenien, want elkenien sei der wat fan en elkenien die dat ek noch sawat tagelyk, dat ik hie klauwen it allegear te ûnthâlden.
‘Geart is fiifentritich, dy moat nedich op himsels,’ fûn pake.
‘Kin er net mear sizze dat er gjin plak fan wenjen hat as er ris in gaadlik fanke moetet,’ hearde ik mem tsjin heit sizzen.
‘Wat is gaadlik?’ frege myn fraach.
Mem lei it my geduldich út.
‘Heit en mem binne troud, pake en beppe ek, mar omke noch net en dochs is er al oer de tritich, omke moat ris wat oanmeitsje. Straks wurdt omke boer en dan hat er gjinien om de kealtsjes te boarnen, iten te sieden, skiep te melken en it hûs skjin te meitsjen. En omke hat dan ek gjin bern, snapst wol, want wat moatte bern sûnder in mem?’
Ja, dat wist ik ek net sa goed, wy hiene ommers allegear in mem en de gedachte dat bern sûnder mem der net oer prakke- | |
| |
searren berne te wurden, kaam noch net by my op.
‘Muoike is ek net troud,’ eamele ik fierder.
‘Nee, mar dat komt noch wol, boeren genôch...’
‘Moatst Gel ek ris in eigen plakje gunne, dy hat wat mei Geart syn rare oanwensten,’ treau heit syn tinken beppe har kant út. Beppe skode de wurden mei in ‘ja, 't is wat’ nei it rântsje fan de tafel ta en dêr foelen se ien foar ien stikken op it flierkleed: nedich, himsels, moat, dy, fiifentritich, is, Geart en dan de hiele bringst der achteroan. It protsje gedachten op de flier waard geregeldwei fuortfage troch beppe har feger en blik, oars soene wy der net mear by kinne. Want it wie wat, in omke en in muoike dy't beide mar net trouwe woene. Ik seach it probleem net, der wiene ommers genôch op de pleats dy't skiep molken, keallen boarnden en it hûs skjin makken. Allinnich foar muoike lei it miskien oars. Dy wie wol ta oan in man, se gûlde omraak en fakentiids om dingen dy't neffens my gjin trien wurdich wiene.
It wie koart foar't wy ferfarre soene nei de klaai en ik wie no al ûnwennich.
Ik hie ôfpraat mei Harm Dykje, dy't eins Harm Zondervan hiet, mar om't syn âlden de fout makke hiene oan in dearinnend dykje rjochting Tsjom te húsmanjen wie it altyd Harm Dykje. Harm hie de somtiden ferfelende eigenskip oan it ward te wêzen, om't er oeral alles fan wist of tocht te witten, wêrby't syn fleizige mûle as spuigat fungearre. Syn grutte, reade earflappen wiene de antennes en dy wiene gefoeliger as ‘iepenlizzende smertlapen,’ teminsten neffens beppe, dy't eins net sa wiis mei Harm wie, fral as er yn de gewoane keamer foar melkerstiid om in bakje tee kaam. Dan siet er - ik koe soks net, doarst soks ek net, benaud dat ik wat ferkeards sizze soe - samar mei de grutten mei te praten, krekt of wie dat in spul fan alle dagen. Hie pake it oer sykte yn it fee, Harm prate mei, gie it oer de Súdlaarder Merke, hy hie der west en oer De Gek wist er alles en noch in bytsje mear. Sels by frouljusdingen siet er net om in wurd ferlegen.
| |
| |
De grutten hiene op 't lêst it nocht fan syn geëamel ôf.
‘No moatst ris hearre, Harm,’ sei omke Geart, ‘okkerdeis wie 'k yn 'e stêd en dêr hearde ik in ferhaal oer in frommes dat flak by jim yn 'e buert wenje moat. Dy skynt de lêste tiid om te slaan mei Mâle Jan út Hinneknyn, witsto dêr ek wat fan?’
‘Hâld op te healwiizjen, Geart, lit dat bern gewurde,’ prottele mem, mar pake woe hjir ek wol in set fan hawwe.
‘Ja Harm, hoe sit dat, ik haw soks ek heard!’
Ferbjustere seach Harm mei al syn acht jier libbensûnderfining beide mannen oan.
‘Hoe hjit se dan?’ woe er witte. Sjoch, dêr hiene je hím wer, ik soe allinnich mar grutte eagen opskuord hawwe, mar hy wist wat er freegje moast.
‘Ja,’ sei omke en hy seach neitinkend omheech, ‘ik miende fan in Gryt of sokssawat.’
‘Sa hjit ús mem ek,’ stinde Harm.
De stilte foel as hite brij en flutste oer it taffelskleed.
‘No, sa kin it wol wer ta,’ makke mem in ein oan de pine, ‘Harm, se meitsje dy mar wat wiis, nei bûten ta mei jimme.’
Dêr sylden wy oer it glêde swilk fan de gong, fregen it klompehok ús klompen werom en rattelen troch de ûnfersteurbere skuorre. Wy soene it lân yn om te aaisykjen. Foar myn gefoel koe dat no noch, om't wy hast ferfarre soene en ik wie der net gerêst op oft der yn Ingelum wol ljippen wiene. Om earlik te wêzen, foar't heit dêr in pleats hierde, hie ik - de lettere kening fan de topo - noch noait heard fan it hiele plak, dat ek wol bekend stie as Negerij, want sa neamde omke Geart it. Wy hellen de pols út it hok en hiene de stap der flink yn, troch it hege gers yn de bermen fan de grintreed, by de âlde kastanje lâns, it spoar oer en dan de liniaal fan de trambaan - no it Hitsumer Binnenpaad - op. Stiene wy net even stil op de trambrêge en lieten wy ús eagen net oer de fjilden gean? Seagen wy fan it easten nei it westen net de Hege Seize mei de fermôge hikke en de slingersleat, it ‘joadeplak’ mei de popels, it lint fan de Tsjommerfeart mei op it wetter
| |
| |
in blau flues fan de hege loft en yn de mylde skaden fan it reid de reidhintsjes en de merkels, de boulannen fan de ‘grouwe Hitsumer boeren’, de al griene knoppen oan de leech hingjende tûken, de earste bledsjes, dy't hoeden de nije maitiid yn kantelen en sei Harm midden yn dit paradys fan grien, griis, blau, brún en alle oare kleuren doe net mei lytse stim:
‘Wa is Mâle Jan fan Hinneknyn?’
De stilte fan in dei yn maart sakke om ús hinne, ik wist - sa as wol faker - net wat ik sizze moast. Ik koe gjin Jannen, gjin Healwize Jan, gjin Fleurige Jan, gjin Grouwe Jan, gjin Lytse Jan, gjin Gekke Jan, gjin Rare Jan, sels net in Gewoane Jan, hoe moast ik dan witte wa't Mâle Jan wie? En wêr yn 'e goedichheid lei Hinneknyn? Grif yn 'e buert fan Ingelum, dat wist ik op 't lêst ek net te finen.
‘Ik wit net...’
Mistreastich seach Harm, dy't sa op 'e hichte wie mei alle dingen, my oan.
‘Sille wy nei Hitsum ta?’
Omke syn wurden waarden wei yn in mooglikheid dêr't wy noch net earder oan tochten. Sa fier hiene wy noch noait west, wy mochten net fierder as de Tsjommerfeart, de middei tilde fan de ljippen, no noch ûnsichtber, straks spatten se út greppels en fuorgen wei, wy soene sjen hoe't it sijke oer de ekers tripke om ús op 'e doele te bringen, mar wy lieten ús de kop net gek meitsje - nee, nee! - wy seagen krekt wêr't it nêst lei, as wy de aaien fûnen soene wy jûchheie - hoera, hoera, hjir leit it, hjir! hjir! - dan sochten wy koaikes om dy ferhipte ljippen te melken en alle dagen sjuttelen wy mei ientsjes, twakes, trijkes en broeden op hûs oan. Wy koene de petten hast net op 'e holle hâlde as wy oer de sleatten sprongen, wy moasten gewoan omrinne oars giene al dy aaien stikken en dan giene wy nei poelier Visser om dêr grou jild te barren, wy soene ryk - stjonkend ryk, stjonkend ryk, man! - wurde en wy kochten drop oant ús de bûk barste, ja, dat soene wy! ‘Wa binne dy tûke aaisikers,’ fregen se dan, wy draaiden ús
| |
| |
om en achter ús rêgen hearden wy noch krekt fan wa't wy guon wiene: ‘Dy meagere is ien fan Gosse Nauta fan de Prins Hendrikkade en dy oare is ien fan Durk Dykje, èh witst wol, dy sitte dêr achter de Tsjommerdyk.’
‘Achter de Tsjommerdyk?’
‘Ja, dat dearinnende stikje achter Van der Wal syn pleats...’
‘O dêr!’
Wat hiene wy de stap deryn, wy draafden fan it iene stik lân nei it oare, oeral mienden wy ljippen te sjen en dan sochten wy om it leven, sigesaagjend hitsen wy ús sykjende spoaren troch it al wiete gers. En doe fûn ik it aai, samar, samar!
Ik raasde fan: ‘Ja! Ja! Harm, ik haw it!’
‘Wier?’
Harm draafde op my ta en dêr stiene wy, twa jonges en in aai. It lei gewoan neist in greppel en ik frege my ôf wêrom't wy it net earder fûnen. Hoeden pakten wy it op, fielden oan de koele dop, bewûnderen it djippe grien, de swarte spikkels en leine it yn 'e pet. Hoe djip haw ik net bûgd om de pet op te setten? En wer rûnen wy fierder fol fan nije moed, no wie it ommers gjin keunst mear wat te finen, wy wisten hoe't it moast! Mar mei koarte wjukslachjes fleagen de oeren as ûngerêste memmen heech hoppe ús hollen hinne en wer. Wy taalden der pas nei, doe't de skonken swier waarden, de knibbels stiif, doe't ús eagen sear diene fan it sjen en Harm sei: ‘Hoe let moatsto thús wêze?’
Dêr skrok ik wekker en tegearre seagen wy hoe't it lêste rântsje fan de sinne fuortsakke achter de omklappende kym, hoe't de boulannen in hege rêch opsetten tsjin it gefaar fan de nacht, hoe't de gerslannen har al ferstrûpten om op bêd. Hoe wiene wy hjir kaam, wie it net by dy reed del, by dy brede sleat lâns, ja dy brede sleat? Of wie it koarter dit lân oer te stekken en dan mei de pols oer dat smelle sleatsje, witst noch wol, dêr fûnen wy ommers it aai, witst it net mear? Stadichoan losten wy op yn de lege romte tusken de Tsjommerfeart en Hitsum, dêr't gjin pleats te finen wie, dêr't de sleatten ús opkearden en de reden dwars leine. It
| |
| |
tsjuster jage ús op, hapte ús yn 'e kûten en biet ús lilke wurden ta.
‘Wat moatte jim hjirre, jim hearre al lang thús te wêzen.’
‘Mar wy hawwe der net om tocht.’
‘Neat mei te meitsjen, smoarge bern!’
Gûlden wy net doe't wy de trambaan net iens mear sjen koene, doe't wy betochten hoe't it mei heit en mem wêze soe? O, wy seagen dernei út, fielden wy mar de hurde klappen foar de kont, dan wiene wy teminsten thús.
‘Hjirwei, hjirwei, jim hearre hjir net, oppakke, oppakke!’
Hurder rûnen wy, noch hurder, oant wy net mear koene, oant wy it roppen hearden.
‘Jácob! Hàààrm! Jácob! Hàààààrm!!!’
Stimmen hellen ús út 'e lannen wei en lutsen ús de trambaan op, de stimmen fan heit, pake en ús beide memmen. Beppe, muoike Gel en omke wiene de oare kant út rûn, pas doe't wy al in skoftke thús wiene, kamen ek sy troch de doar, de eagen wyld yn 'e holle. Wêr hiene wy dan hielendal west en wat mankearre ús dat wy soks yn 'e holle hellen, de fragen wiene hurd, de lûden skel en Harm en ik sieten noch tiden nei te snokkerjen, reade eagen yn bleke gesichten.
Us waard frege hoe âld wy wiene en wy seine ‘acht’, want sa âld wiene wy dochs? Harm waard ôffierd by syn mem achterop, ik mocht noch in stikje bôle.
Doe rekke de gewoane keamer leech. Heit, mem en ik joegen ús del op east, omke en muoike op west, pake en beppe yn it bedstee. Foar it sliepen joech mem my noch in krûpke en makke dat alles net goed? De frede lei sacht as dûns oer myn wurge jongesliif, de stilte sakke oer de pleats en it aai dat iensum op 'e tafel lei.
| |
Tsien
Beppe hie de hinnen op de súdeasthoeke fan de pleats en dan oan de kant fan it apelhôf, dat pake foar in part roaide om romte te
| |
| |
meitsjen foar in mânske kuilbult. It hok wie by de muorre lâns timmere, flak achter it-húske-mei-de-balke, dêr't ús âlde boarre yn 'e regel lei te slûgjen. It húske dêr't pake him in wei nei de gloarjedei fan de befrijing fage mei ‘bekanntmachungen’ út De Courant. Elke haal oer syn bleke gat sette de lucht yn beweging, ûnder de húskedoar troch, oer de ratteljende planken fan de jarrekolk, tusken de beammen fan it hôf troch, oer de Prikkebuert, it kâlde wetter fan de Trekfeart, ja, oer de hiele stêd hinne. De flagen strieken oer kaart tweintich fan de ‘Schoolatlas der Gehele Aarde’ fan P.R. Bos en J.F. Niermeyer oant Berlyn ta, dêr't De Gek mei syn skilige kop omheech gluorke en him ôffrege wêr't dy lucht weikaam en wat it yn oarlochsnamme wie dat him sa ûnrêstich makke.
Beppe har hinnen makke it neat út wat pake dêr om it hoekje útheefde. Harren wrâld beheinde him ta fretten en nommen wurde troch de hoanne, in âld kring, dat hieltyd mear muoite hie dy ferhipte hinnen derûnder te hâlden. Al te warber wie it bist net mear, it koe wolris wêze dat syn langste tiid derop siet, want wat God wie foar de minsken, wie beppe foar de hinnen. Se wie sljocht mei dy seis barnefelders en behannele se as wiene it minsken. Alle dagen wer toarke se nei it hinnehok ta om se te fuorjen, de boel te himmeljen en ûnderwilens sei se har ‘hinnepraat’, want beppe hold oant har ferstjerren út dat se echt kontakt mei dy bisten hie.
‘In hin hat ek gedachten,’ sei se tsjin my, ‘moatst mar goed nei de kopkes sjen ast wat tsjin se seist!’
‘Kwòòòk-hoe-wiiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ek-aaaaien-lein-kwòòòk?’
‘Kwòòòk?’
‘Eèèn-ha-jim-ek-lèèèkker-sljèèpt?’
‘Kwòòòk?’
‘Sjochst wol, se hâlde de kopkes skean as ik wat sis...’
Beppe hie gelyk en it duorre net lang of ik eamele mei. De hinnen mochten dan har oanpart yn de konversaasje beheine ta
| |
| |
‘kwòòòk?’ beppe liet de moedfearren net hingje en se eamele ûnfersteurber troch - ‘kwòòòk?’ - socht de aaien út de jirpelbakjes op 'e souder - ‘kwòòòk?’ - lei sa út en troch ien fan de bisten mei de kop op it hakblok en koarte mei de bile - ‘kw?’ - de hin in eintsje yn. Mar sa'n barnefelder wie in machtich bist. Spottend mei alle wetten fan libben en dea sette it nei it leafdefol ynkoartsjen de sokken deryn, meastentiids rjocht op 'e kuilbult ôf, oant it kopke by it hakblok ta de konklúzje kaam dat dit gjin sin mear hie en by dy lêste gedachte kypte it bist definityf om.
Sels krûpte ik geregeldwei yn it hok. Ik koe der maklik yn, want it bousel kaam hast oant goatehichte ta. Wat my it measte oanluts wie it hinnegat yn 'e muorre oan 'e ein fan de ljedder. Hoe stom in hin ek lykje mocht, it slagge it bist altyd te betinken dat je by sa'n smel ljedderke optripkje moasten, troch dat heimsinnige gat nei boppen ta om dan te bedarjen yn 'e hinnematte, in mei pikegaas ôffrede nachthok mei in pear stokken om op te slûgjen yn 'e súdhoeke fan 'e heasouder. Beppe hie in pear jirpelbakken delset dêr't de aaien yn lein wurde moasten, teminsten dat wie it doel, al wiene der hinnen dy't har net folle oanlutsen fan beppe har ynsettingen en geboaden.
Doe't ik noch lyts wie, besocht ik wolris achter in hin oan te krûpen troch it gat, mar dat slagge krekt net, it wie justjes te smel. As in hin ôfsette nei boppen ta, siet der net folle oars op as oer de kolk te draven, om it-húske-mei-de-balke hinne te giseljen, troch de bûthúsdoar en it lytsbûthús, by de grutteminskeljedder op te stowen om dan ta de ûntdekking te kommen dat de barnefelder - ‘kwòòòk!’ - my al achter it gaas wei siet út te gnizen. Ik koe mar min oer myn ferlies, dat ik stinde der tiden op om hoe't ik dy tsjinslach ta in oplossing bringe soe. It koe dochs net sa wêze dat in hin my te fluch ôf wie?
Op in sneontemiddei slaggen Ale, Harm en ik by it hok en betochten wy dat wy de snelheid út 'e hin helje koene troch in toutsje mei in topke hea oan de poat te binen. In plan betinke wie ien ding, mar de útfiering hie noch hiel wat fearren yn 'e loft.
| |
| |
Dochs like it sa logysk as it mar koe, it probleem wie allinnich dat de hinnen it net rjocht foar it ferstân krije koene. Wy fleagen troch it hok, de hinnen fleagen mei en it gie gelyk op.
‘Wy moatte in amer hawwe,’ hime Ale, ‘dan klappe wy dy rothinnen derûnder...’
De gedachte wie alwer wûnderbaarlik. Mei in âlde biksamer drifken wy it earste slachtoffer yn in hoeke. De amer fertsjustere it bestean, de hin gie sitten en joech him del, it wie blykber nacht. Ik luts in poat ûnder de amer wei, Harm lange it topke hea mei in stikje tou oer en klear wie it.
Wy giene troch oant wy de hiele gemeente ôfwurke hiene. Sa kaam it dat op in maartske sneontemiddei yn it jier 1942 der yn Fryslân seis barnefelders troch it hok op de súdeastkant omstapten - ‘kwòòòk?’ - mei in top hea oan 'e poat. Wat ûnwennich stapten de ferhearde bisten foar it gaas op en del. It ûnwennige part kaam op rekken fan it tou, de ferheardens wie - tochten wy - mear om't it earst yn ien klap nacht wie en doe wer dei, in barren dat foar in minske al hast net nei te kommen is, lit stean foar in hin.
‘Wat binne dy dingen ek stom,’ skodholle Harm smeulsk.
Mar de âld hoanne fûn it bêst. It bist besleat fuortdaliks fan 'e gelegenheid gebrûk te meitsjen ien fan de fluchste hinnen, dy't er oars noait fan syn libbensdagen te pakken krije koe, mei in nidige gjalp te bespringen.
Doe't it wer rêstich wie, sette de earste hin nei boppen ôf. It topke hea wie amper opslokt troch it hinnegat, of dêr stoden wy oer de kolk, om it-húske-mei-de-balke hinne, troch de bûthúsdoar en it lytsbûthús, by de grutteminske-ljedder op en kamen wy ta de ûntdekking dat de hin - ‘kwòòòk?’ - krekt út it hinnegat wei stapte. Alhiel út 'e skroeven laken wy it bist út, grutsk op de prachtige fynsten dêr't wy it bestean mei ferrike hiene. Oerstjoer fleagen wy nei ûnderen ta, wy soene de hiele team nei boppen ta jeie en ris sjen oft wy de rest ek berinne koene. Fan in stôk ôf seach de hin ús nei, it kopke skean. Fleurich bongele it tou mei it
| |
| |
topke hea oan de poat, sa moai hie it bist him grif noch noait field.
| |
Alve
Pake hie lêst fan krimp, mar dat hie er - miende ik - allinnich as beppe yn 'e buert wie. Stapte er ta de doar út, dan wie er fuortda- liks in stik grutter, eins like grut as omke Geart, wylst heit krekt in slachje langer wie. Op in dei kaam ik ta de konklúzje dat it oars siet. De gedachte dêroer berikte my, doe't ik op de sechsde tûke fan ûnderen yn 'e âlde kastanje healwei de reed siet, want heger mocht ik net.
Al in skoftke hiene de manlju it hân oer de âld reed. De boel moast sa stadichoan ris grinte wurde - fûn pake - want biten en jirpels wiene no oan kant, dan hiene je gjin hinder mear fan ‘dy drekboel.’
‘Smyt wat pún yn 'e gatten, grint kostet wol,’ sei beppe, dy't soksoarte grappen ‘begrutlik jild’ fûn, mar dat sei se by alles dêr't foar betelle wurde moast. Heit stie oan beppe har kant, sa as wol faker, mar omke tocht dat it no mar ris ‘goed’ moast.
‘Hoe lang is it lyn dat wy dy reed ris echt oanpakt hawwe? No? Sis it mar? It kin my net iens mear heuge, sa lang is dat lyn!’
Hy seach mei heech oplutsen wynbrauwen en iepen hannen oan wide earmen om him hinne.
‘Omke Jarich grintet om 'e fiif jier,’ heakke er der noch achteroan, ‘as wy dan ien kear yn 'e hûndert jier de reed opknappe, giet it goed!’
Dat wie In Tûke Opmerking fan omke. As dingen jild kostje moasten, begûn er altyd oer omke Jarich, in broer fan beppe, dy't alles altyd en ivich tiptop yn oarder hie en dy't twa kear jiers delkaam foar de jierdeis fan pake en beppe. En rekkenje mar dat pake der dan in bealchfol wurk oan hie de boel op te rêden, de buthúsflier te skrobjen, de muorren te bjinnen en te sturtwask- | |
| |
jen. Steefêst yn 't sneinske pak, gouden horloazje oan 't ket yn it festjebûske, ynspektearre omke Jarich yn it selskip fan de oare manlju - doe't ik wat âlder wie, rûn ik ek mei, krekt as de oaren hannen op 'e rêch en doel oer alle boeresaken - pleats en fee en hy wist ta ôfgrizen fan benammen pake alle mankeminten sûnder mis bleat te lizzen. De wurden ‘omke Jarich’ wurken dus as in reade lape en omke Geart wist dat duvelse goed. Der hoegde net lang oer troch eamele te wurden, beppe prottele noch wat nei en heit wist dat de slach ferlern wie. As de reed by omke Jarich sljocht en goed begrinte wie, dan soe it by ús net minder.
Fuort nei de kofje gie it dyselde moarn noch los. De skeppen waarden út it hok helle en om't de ferhearde reed sa gau net fuortkomme koe, stiene trije generaasjes Nauta it âlde paad al gau op 'e rêch om de mâlste bulten te sljochtsjen en it frijkommende pún en grint yn 'e gatten te mikken. Om't de tredde generaasje dochs noch wat te lyts en te gau achter de pûst wie, besleat dy mar yn 'e kastanje te klimmen en de foarstelling fan boppen ôf by te wenjen. Lytser en lytser waarden de trije manlju, dy't har dêr yn 'e djipte sa'n bloedich kerwei op 'e hals helle hiene, grint en pún jouwe no ienris net mei. Op dat stuit, doe't ik op de sechsde tûke fan ûnderen siet, beseach ik de manlju, dy't sa fanselssprekkend yn myn libben húsmannen, mei nije eagen.
Pake syn keale plaske, de pet der heal by del, flústere my ta dat de jierren ferglieden, dat pake echt âld begûn te wurden. Noait hie 'k derby stilstien dat er ek as beppe yn gjin fjilden of wegen te bekennen wie, lêst fan krimp hie. Hoe kaam it dochs dat er sa lyts like? Siet ik te heech yn 'e beam of kaam it, om't Harm syn pake okkerdeis samar ferstoar? Doe't er omheech seach om te sjen wêr't ik bedarre wie, lake er en swaaide.
‘Sitst lekker, goed beethâlde hear!’
De sinne hie in boartlike bui en etste oan elk rimpeltsje in skadich rântsje, as kraskes yn it iis.
| |
| |
‘Klim ek mar yn 'e beam!’
‘Dêr is pake wat te âld foar.’
‘Wat seit pake?’
‘Te âld!’
‘Heit dan!’
‘Strak, earst dien wurk!’ en tagelyk sloech de skeppe noch fûleindiger yn 'e dwarse reed, fonken spatten fan it hurde stiel ôf yn 'e rûnte. Heit en omke liken eins allebeide net op pake, seach ik. Dêr't pake op it skrale ôf wie - broeken waarden teplak holden mei in deun stikje tou - skaaiden omke en heit mear beppe har kant út, al wie dy dan krekt wat grutter. Breed yn 'e skouders, rûne holle, smelle lippen, sterke hannen, it hearde allegearre mear by beppe as by pake, mear by omke Jarich as by my. It wie gjin wûnder dat ik mear op pake like mei myn fine hannen, it smelle gesicht mei oan wjerskanten de licht útsteande earen en de altyd en ivich ferheardblauwe eagen. Ik wie ommers nei him ferneamd en om't de namme fan in minske it earste wurd is dat oer him útsprutsen wurdt, is dat fan beskiedende ynfloed op de foarming fan lichem en geast.
Jacob wie en is myn namme, Jacob Nauta, en op de sechsde tûke fan de âld kastanjebeam healwei de reed, op de dei dat bulten en gatten sljochte waarden troch omke, heit en pake, berikte my - mei in wurdleas boadskip - de gedachte dat myn hiele wêzen foar altyd yn ieren en sinen ferbûn wie mei dizze manlju en ik wist dat ik mysels oer net al te lange tiid op pake syn leech plak weromfine soe, om't ynienen sichtber wie dat syn laitsjen skadiger waard en dat er lêst fan krimp begûn te krijen, ek al wie beppe yn gjin fjilden of wegen te bekennen.
| |
Tolve
Harrie Boven wie earste stjoerman op de Melba, in frachtskip dat tsjinsten ûnderhold fan Rotterdam nei Londen, Marseille, Genua
| |
| |
en alle oare havens oan de Middellânske See. Dêrneist bestjoerde er mei feardige hân en in soad stjoermanskeunst it libben fan muoike Gel, ynearsten út frjemde havens, doe út syn wenplak Harns en letter sels fjouwer dagen streekrjocht út de himel wei.
Op syn tochten by de kusten fan Súd-Europa lâns waard er beselskippe fan Jacob Nauta, earste matroas, dy't bekend stie as kening fan de topo, keizer fan de bline kaart en maharadjah fan de Pacific.
De konsternaasje oer dy yn it sâlte seewetter bebiten leafde fan muoike Gel wie tige grut yn de stêd, op it plattelân en ûnder de Nauta's, dy't benammen út boerehout snien wiene en mar net begripe koene wat sa'n kreaze faam seach yn in seeman út Harns. In boeresoan, it leafst fan ‘in grouwe boer’, wie ommers hiel wat gaadliker op langere termyn, want dy brocht teminsten wat yn op it mêd fan replik en ûnreplik guod en dan koe men tinke oan in poerbêst feebeslach, earsteklas molke, mânske hynders, knap reau en in fernimstige kop-hals-romp, stevich bewoartele yn de Fryske klaai. Boppedat stiene sokke knapen ‘foar dy yn 'e rige’, alteast neffens heit en beppe, mar muoike hie net folle nocht oan ‘steile âldfeinten, dy't oars net wolle as mem-wit-wol.’
‘Is Ybele Hoekstra soms in âldfeint, is Germ Zwaagstra in âldfeint?’ begûn beppe dan in list sa lang as Berltsum. Beide hannen tuorken heech boppe de holle út om by elke kandidaat op de fingers mei te tellen.
‘Mar je moatte earst wol fan ien hâlde, of net soms?’
‘Hâld is kâld, sa is de wrâld!’
‘Mem hat maklik praten, mem hâldt dochs ek fan heit?’
‘Ja, mar dat ha 'k wol leare moatten, witst wol hoe't dat earder gie?’
‘No, dêr hoege wy it no net mear oer te hawwen.’
Dat lêste waard sein troch pake, want dy hie leaver net dat beppe oer sokke dingen al te folle fertelde en al hielendal net as ík yn 'e omkriten fan sa'n Praatsje-Under-It-Kofjedrinken op de flier siet te boartsjen of te lêzen.
| |
| |
Dochs slagge it my hieltyd better út it sicht te bliuwen, ik hie in grut tal Geheime Plakken, dy't my mooglikheden joegen dêr't Harm, dy't op dit mêd ek och sa betûft wie, noch hiel wat fan leare koe. It Bêste Plak wie te finen achter it skriuwburo, dat skean yn 'e hoeke fan de gewoane keamer delset wie. It meubel bestie út twa ladekasten mei yn 'e midden in útsparring foar de skonken en foar earste matroas Jacob Nauta, dy't troch dy poarte flot yn feilige haven bedarre, want troch de skeane opstelling wie der achter it buro in baas romte ûntstien.
Gjinien fan de grutten hie der erch yn dat ik dêr siet. Muoike begûn heal gûlend fierder te âljen: ‘Neenee, no kin der ynienen net mear fierder praat wurde, mar wol altyd sanikje oer Harrie, hin?’
Troch it skonkegat fan it buro seach ik hoe't it Praatsje- Under-It-Kofjedrinken ek ûnder de tafel fierder gie, want skuon en sokken holden har net stil en meneuvelen drok mei. Om nei te kommen wêr't it boppe de tafel oer gie, wie it needsaaklik wat te begripen fan de fuottetaal en koe dat oars as troch de situaasje skerp yn 'e gaten te hâlden?
Under de tafel gie it sa fierder:
‘Neenee - rjochterskoech klapt op de flier - no - ssslllsssjj linkerskoech ferskoot - kin der ynienen - linkerfoet set him ôf en komt del op 'e dwarslatte fan de stoel - net mear fierder praat wurde - linkerfoet klapt werom - mar wol altyd sanikje -fuotten skeuke tsjin elkoar oan en binne it iens - oer Harrie - ssslllsssj rjochterskoech glidet fuort - hin?’
De fuotten fan omke Geart begûnen aardichheid oan it gefal te krijen, al wie omke sawat de iennichste dy't it eins net slim fûn dat der ris ‘wat oars’ yn 'e famylje kaam:
‘Eèèh ja - teannen komme gnizend oerein - wat is der mis mei in seeman, hahahja?’
‘Wat der mis is - heit syn sokken wurde wekker - mei in seeman, sil ik dy dat...’
‘Oòòòhneehin, dêr gean wy wer - ssslsssjj skuon rûtse oer de flier
| |
| |
- sil ik ris riede wat der no komt - rjochterskoech skoot oerdwars - in ieder stadje een schatje, of woest dat net sizze?’
‘Och...’
‘Wat óch hin, wat óch?’
‘No gewoan, óch!’
‘Wat bedoelst dêrmei?’
‘Niks...’
‘Woest soms - muoikes knibbels sykje elkoar op - sizze datsto altyd allinnich mar nei boeredochters sjoen hiest?’
No hie ik yn dy tiid - en dat is altyd sa bleaun - fan dy gedachten dy't samar sûnder warskôging as jonge ljippen troch myn wiid iepensteande earen en mûle yn myn holle delsaaiden. By dy lêste set fan muoike tocht ik: ‘Tsien punten!’
Wêr't dy gedachte weikaam, ik wit it noch altyd net, mar wêr't er hinne gie wit ik wol, want sûnt dy gedachte haw ik eins by alles en elkenien punten jûn, te begjinnen by de Praatsjes-Under-It- Kofjedrinken, as de strideraasjes oer de ferneamde seeman Harrie Boven fûleindich, fûleindiger en op it lêst op syn alderfûleindichst útfochten waarden en Jacob Nauta achter it skriuwburo wei troch it skonkegat syn famylje bepunte mei grutte tagedienens en yn 'e regel muoike Gel winne liet, om't er mar net begripe koe wêrom't syn eigen heit wol omgean en letter trouwe mocht mei ús mem en boekhâldersdochter Jits Bakker fan It Fean en muoike net mei de seeman Harrie Boven fan Harns, want - en dit wie in gedachte fan lettere datum - it ferskil tusken boekhâlders en seelju is net sa grut, beide witte op 't lêst hiel goed wat skipperjen is.
Mem einige steefêst ûnderoan de puntelist en ik beken it earlik, dat wie net sasear oan har te witen as wol oan myn ûnfermogen te beoardieljen hoefolle goud it wurdich wie as minsken yn pleats fan elkoarren mei feninige wurden te bekûgeljen, harren beheinden ta de sûzjende stilte op de Sinaï, it lêste wurd, it lêste stientsje dat nei de lawine by de berch del rûgelet.
| |
| |
‘No, jim litte de kofje kâld wurde, soene jim... Jacob?’
En nochris: ‘... Jacob?’
Dat wie wol hiel stom fan Jacob Nauta, earste matroas en noch net al te betûft punteteller as it gie om spul tusken pake, beppe, heit en muoike Gel, want by it opmeitsjen fan de balâns skeat it him finaal troch it sin dat It Geheime Plak dêr't er tahâlde dochs krapper wie as dat er tocht en dêrom stompte er mei de earmtakke tsjin de achterkant fan it buro, wat in fiks lûd makke, om't der achter de laden in stik tripleks timmere wie, dat al jierren siet te wachtsjen op de kâns in karriêre as klankkast te meitsjen en no de kâns skjin seach.
‘Jacob, - skuon en sokken kuere grimmitich myn kant út - bisto dêr?’
‘Watte?’
‘Wat seist?’
‘Wat seit mem?’
‘Sjochst wol, ...kom ris handich achter dat buro wei!’
‘Jaha, mem.’
De earste dy't ik seach, wie beppe, dy't my mei eagen op stokjes oangappe, de hân op it kjelle boarst. Dan folgen alle oare eagen, guon ferstuivere, oaren gnyskjend en wer oaren gewoan lilk.
‘Wat diesto dêr, Jacob?’
‘Boartsje, mem.’
Ik hold ien fan myn blikken autootsjes omheech: Jacob Nauta wie folslein ûnskuldich en mocht er skuldich wêze, dan koe er der neat, nee hielendal neat oan dwaan.
‘Ooooooo...’
De ‘ooooooo’ fan mem begûn leech, krûpte by de stimbannen omheech, rûtste ta de mûle út en twirre troch de keamer, earst om de tafel hinne, dan ûnder de lampe troch om wei te wurden yn it flierkleed tusken de grommeljende, gnizende en spinpoatsjende fuotten. Mem hie my wol troch, mar wie net al te lilk, dat wie oan dy ‘ooooooo’ dúdlik te hearren.
| |
| |
‘Soest dan no mar net ris nei bûten ta, it is moai waar...’
En dêr gie ik, noch krekt hearde ik it gnizen fan grutte minsken dy't wol wisten hoe't bern soms wêze koene, se wiene har eigen jeugd ommers noch lang net fergetten.
| |
Trettjin
It farske grint foar de reed mei healwei de kastanje dy't ik oant op de sechsde tûke berinne mocht, waard oansleept yn in skoallewike en ek noch hieltyd de moarns, dat ik koe net mei. Alle dagen krûpten de minuten oer de klok boppe de gongsdoar, de grutte wizer slûpte, as in skiterige kat op de noch wiete tegels fan de keldersflier, oer de wizerplaat.
Under it rekkenjen seach ik omke en heit - 96+17= - mei de Alde Swarte en de Brune Bels foar de reade wein it spoar om - 18x37= - riden, wy soene it grint sels helje, want ‘dat skeelde wer’, it Spoarrûntsje del, troch de Jan Stapertleane - Kees heeft 61 knikkers, maar tegen Tom verliest hij er 16. Hoeveel knikkers - en dan skean op de Trekfeart oan - heeft Kees nog over? - want in kilometer fierderop rjochting Ljouwert, siet ‘RIEMERSMA, ZAND, GRINT & GROND’ en ik wie der net by as de wein folskept waard troch omke en heit, dy't ûnder de taalles mei de batsen grutte gatten - Schrijf de volgende - sloegen yn de troch djipladen skippen - zinnen over en vul de juiste - oanfierde bulten. Dêr by Riemersma mochtst it terrein net op en as se dy seagen, dan - kleur in. Kies uit: - stjoerden se de hûn op dy ôf, in feninich kring mei lange giele tosken en ien blau each. Koest noch sa hurd rinne, mar it bist wie fierste sljocht mei bern en koest - rood, groen, wit, blauw, zwart. - net witte oft er bite soe nee of ja, dat wy kamen yn 'e regel net al te ticht yn 'e buert, al lutsen dy mânske bulten - ‘Jacob, schiet eens een beetje op’ - as magneten. Harm en ik rûnen dan fan syn hûs ôf hielendal om, dan kamen wy fan de stille kant troch it lân, want dy hûn siet
| |
| |
- Zoo _____ als een kreeft - altyd te gnizen oan de westkant, om't dêr it kantoarke stie en dit hie de kâns west dêr no ris gewoan wat om te stappen en moaie stiennen te sykjen, want grint wie net, sa't guon no noch wol miene, fan stien, mar fan sulver, goud en diamant en de stiennen dy't wy fûnen, wiene - Zoo _____ als sneeuw - skatten út in fier ferline, doe't bergen spjalten troch de oerkrêften fan waar en wyn en rotsen troch woeste rivieren optild waarden - Zoo _____ als gras - fragmintearre troch it sûgende wetter, beslipe yn swart, griis en wyt, oanspield as sânstien, kwarts, lidyt, jaspis en flint, alles opsocht yn it stienneboekje fan master Groen, dêr't ik by yn 'e klasse sitten hie en dy't it moai fûn - Zoo _____ als - as bern wat mear woene as allinnich mar rekkenje - roet - en taal.
Underwilens hiene omke en heit net stilsitten en de âld reed ophege mei alwer in weinfol farsk grint, want se begûnen mei it hiem oan de - Zoo _____ als de lucht - westkant en dan sa fierder om Gibraltar hinne, achterhûs wie ek al dien en no streamde it grint as in net te kearen floed op de Nije Dyk en - ‘Jacob, hee... Jacob!’ - it spoar oan. Under it tekenjen mei de foarbyldkaarten wiene se grif al by de âld kastanje healwei de reed, want justermoarn wie pake al oan it sljochtsjen neist de rûchskerne en dan wie it net fier mear.
Dat moast ek net, want foar de snein woene heit-en-dy de put derút hawwe, it moast op it lêst ek in kear dien, al wie it sa wol in stik goedkeaper as wannear't je de boel mar domwei bestelden sa't omke Jarich die, mar dy koe it dwaan, dy hie wol, dat koest sjen oan de grouwe sigaren - ‘Wat is der?’ - dy't er oan ien tried wei opsmookte, mar sa koene wy net. Te uzes moast de bealch derop, ivich en altyd, mar as it sneon klear wie, dan fergeaten wy al it gewrot en gewraam, want wat soe dy âld reed dan in stik - ‘Sille wy moarn by jim saaiers sykje?’ - opknapt wêze.
Strak út skoalle wei soe ik wer yn 'e kastanje klimme oant de sechsde tûke, want fierder mocht net fan mem, dan koe ik moai sjen hoe't it grint by de beam del kolke, ik soe feilich wêze en
| |
| |
droege fuotten hâlde, want sa diene - Skean achter my sit Harm en as it fannemiddei om healwei fjouweren tiid is, dan fleane wy op hûs oan om - minsken yn fiere lannen mei grutte oerstreamings dat ek. Ik hie dat wolris sjoen op in plaatsje mei trije minsken yn in beam, in frou en har man mei syn soan ûnder de earm, it slûke hier fan dat bern waaide yn 'e stoarm. It wetter skuorde de beam sawat fan 'e woartels los en ik - saaiers te sykjen, want dy binne der by de fleet en dan drave wy nei de Trekfeart - betocht dat it hjir ek wolris sa komme koe, dan soe ik dat bern wêze en omke Geart moast gau syn spierballen út it laad pakke en se teplak sette op syn earmen, dan koe er ús allegear yn de kastanje omheech lûke. Hy soe syn sterke, brede hannen om myn mul lizze en my boppe de holle - om te sjen wa't syn stientsje it fierst saaie kin en hokker saaier de measte kearen op it wetter stuitet - tille op 'e achtste tûke, want dan moast it wol, oars siet ik net heech genôch en dus fûn mem it dan wol goed, se wie der ommers - en ûnder skoalletiid prate Harm en ik al ôf allinnich net ûnder rekkenjen of taal, want dan moat it deastil wêze yn 'e klasse en wa't al wat seit - sels ek by!
Ik soe se allegearre fan boppen ôf besjen kinne: heit, mem, pake Jappe, beppe Gé, muoike Gel en omke Geart, dy't noch it grutste fan elkenien like om't er sa tichteby wie, ik hold myn earmen wiid as in earn heech yn 'e loft, sa heech - krijt straf en moat neibliuwe, wat wy no fansels net hawwe kinne, dêr is de tiid fierste djoer foar, dat - as de wolken fleach ik, de reed waard lytser en lytser - ik moat de kâns ôfwachtsje antwurd te jaan op Harm syn fraach. Sjoch! Master draait de rêch nei ús ta om Sybrichje te helpen mei in hûs dat se al tiden net goed op papier krije kin - en wy moas- ten wachtsje oant it wetter sakke, dan soe it nije grint opdroegje yn de waarme sinne, ik koe der trochhinne - ‘GOED!!!’ - baaie, Harm kaam dan by ús en tegearre sochten wy de moaiste stiennen út: sânstien, kwarts, lidyt, jaspis en flint.
| |
| |
| |
Fjirtjin
Foar de oarloch koe ik mar ien Joad en dat wie Nathan Pen, dy't foar in dûbeltsje acht nútmuskaten of trije komkommers yn 'e negoasje hie en dy't geregeldwei by ús oer de flier kaam om te fertellen en te sjongen oer in Roosje, dy't er tsjinkaam yn 'e stêd.
Pake die dat stikje hielendal út 'e holle, meastentiids yn de moaie keamer op sneintemoarn, mar hy spile ek wol fragminten yn it bûthús of op 'e heasouder, want ‘ik moat it al wat ûnderhâlde...’
Dat wie dan foar de brulloften, it kaam gauris foar dat er frege waard om ien fan syn stikjes. As it goed moast - en dat wie op sneintemoarn - dan luts er in swarte jas oan en sette er in hege hoed op en om it gehiel noch wat joadsker te meitsjen, prate er mei in joadske tongslach dy't trouwens net folle ferskilde fan it aksint dêr't Sjoerd letter De Gek mei optúgde.
It publyk bestie út elkenien dy't net sa gau fuortkomme koe as pake Jappe út ein sette, allinnich ik bleau altyd sitten, want ik fûn it gewoan moai en koe sawat alle warden meisizze, sa faak hie 'k it al heard. Ek heit en mem fûnen it net slim as pake mei Nathan oan 'e haal gie of mei ien fan syn oare stikjes en pas letter betocht ik dat se miskien wol mear aardichheid oan my hiene as oan pake.
It stikje begûn mei in ferske, dat songen wurde moast op de wize fan ‘Nicola was dronken’, in wyske dat sawat elkenien yn dy tiid wol meisjonge koe:
| |
| |
De tuskenteksten waarden deklamearre, wêrby't pake allegeduerigen mei de earmen om him hinne sloech en mei in brike bek prate:
‘Ja, ik ben Nathan Pen, ik handel in groot en klein. Notemuscaten zijn klein en komkommers groot. Acht notemuscaten voor een dubbeltje! Drie komkommers voor een dubbeltje!’
(ik betelle pake sabeare in dûbeltsje en hy joech de komkommers, dy fûn ik wol lekker, mar de nútmuskaten net, dy hold er mar)
Door haar schoon betooverd
En toen ging 'k natuurlijk
It famke lústere nei Roosje en as ik pake Jappe leauwe mocht dan wie se in blom gelyk:
‘Toen schelde ik aan en ja, daar kwam zij aanstappen op haar lieve, nette, kleine voetjes.
Mejuffrouw!, zei ik heel beleefd, is u ook iets noodig?
In 't geheel niets noodig, antwoordde ze.
Hoe is 't mogelijk, hernam ik, is u dan... geen minnaar noodig?’
'k Moet mij eerst bedenken,
Want 'k word door een ander
Hier maar weer eens heen,
| |
| |
Fansels draaide it út op in trouwerij, dêr wie it stikje op it lêst foar skreaun. It jonge pearke rekke nei Amsterdam, Nathan en Roosje kamen op it stasjon trije studinten tsjin, dy't wat ferfelend diene en grapkes makken oer Nathans net al te lytse noas:
‘Van men heb je dien neus geërfd?, vroeg de een. Zeker van Mozes, zei de ander.
Dat zal ik je vertellen, mijne heeren, antwoordde ik. Toen ik geboren werd... had ik in 't geheel geen neus. Mijn vader en moeder beraadslaagden hoe in dat gebrek te voorzien, want ik kon natuurlijk niet zonder neus blijven. Mijn vader besloot om eenige neuzen op keur te laten komen en daarvan dan de beste uit te zoeken.
Zoo gezegd, zoo gedaan, en op een goeden dag werden ons per postpakket eenige neuzen op keur gezonden.
Mijn vader opende het pakje en de eerste die hij er uithaalde was een flapneus, gelijk de uwe, zeide ik tot de eene student. De tweede was een zoogenaamde snotneus, zooals de uwe, zeide ik tot de tweede student, en de derde, vervolgde ik tot de andere student, was een kinderneusje, gelijk de uwe! De vierde eindelijk, was een flinke, mannelijke neus, en die koos mijn vader voor mij.’
By elke noas kaam pake op my ôf, ik wie alle trije studinten tagelyk en hy knypte my trije kear yn 'e noas. By elke noas sei ik de wurden mei, mar krekt in bytsje earder en heit moast der sa om laitsje.
| |
| |
Foar de oarloch wist ik mar fan ien Joad, ik koe oars gjinien as Nathan Pen mei syn swarte jas en syn hege hoed, dy't krekt as alle oare Joaden berne wie sûnder noas en dy't foar in dûbeltsje acht nútmuskaten of trije komkommers yn 'e negoasje hie en troud wie mei in Roosje.
|
|