Fjouwer minsken yn in stêd
(1995)–Pieter Terpstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 166]
| |
YnhâldLykas de titel oanjout, docht Terpstra yn dizze roman ferslach fan it libben fan fjouwer - frij willekeurich keazen - ynwenners fan Ljouwert. Dat binne minsken fan ferskillend geslacht, jonger en âlder en út hiel ferskillende sosjale fermiddens. De fjouwer dy't de skriuwer op in jûn mei de trein fan 22.04 oere út Harns wei yn Ljouwert oankomme lit, hawwe yn it earstoan neat mei elkoar te krijen, mar op fernimstige wize bringt er har in tal moannen letter alle fjouwer gear op deselde middei yn of by it gebou fan it Gerjochtshôf. De haadrolspilers binne de Ljouwerter rjochter mr. Herman Geertsma dy't net sa sûn is en it drok hat mei syn maatskiplike ferplichtings, it winkelfamke Nynke Kaspersma, dûmnyssoan Eelco Rauwerda dy't krekt fan de h.b.s. ôf is en syn draai noch net fine kin en it lytse famke Gerry Beintema, bern út in ienfâldich fermidden fan wa't de heit yn ‘Frjentsjer’ sit. As har mem foar de eagen fan rjochter Geertsma ferûngelokket, kruse de paden fan Gerry en Geertsma elkoar al hast, mar hja sille pas echt mei elkoar yn 'e kunde komme as it famke op foarspraak fan kapiteine Feddema fan it Heilsleger as pleechbern by him yn 'e hûs komt. Neffens Anne Wadman yn De Tsjerne (1957) is it kearntema fan it boek lykwols de ferhâlding tusken de beide oare haadfigueren: de jonge Eelco mei syn deftige âlden en syn leafde foar de muzyk dy't er net útwierje mei en it winkelfamke Nynke, dat mei skea en mei skande al wat mear libbenswiisheid opdien hat. Hja is yn in dancing tsjin in ferkearde feint oprûn en hat dy - yn uterste trou - in aliby ferskaft foar it tiidstip fan syn ynbrekkerij. Fanwege dy falske eed wurdt hja troch mr. Geertsma feroardiele ta acht moanne finzenisstraf. Eelco, mei wa't hja ûnderwilens befreone rekke is, is wol oanwêzich yn 'e rjochtsseale, mar de skriuwer makket dúdlik, dat hy foar de omstannichheden (in dûmnyssoan ferkearing mei in faam dy't sitten hat, dat kin net!) omlizzen gean sil en Nynke letter net bystean sil yn har besykjen in nij libben op te bouwen. | |
[pagina 167]
| |
Struktuer en perspektyfDe roman Fjouwer minsken yn in stêd begjint as in film. De kamera hinget boppe Londen, Marseille, Berlyn en Kopenhagen. De byldmerken fan dy steden wurde eefkes oanljochte: Westminsterbridge, de ‘Bassins’ fan Marseille, de sônegrins tusken East- en West-Berlyn en de lytse seemearmin yn de Deenske haadstêd. Rûnom reint it en dat jout in tryst byld fan sokke stêden op in tsjustere jûn. Dan draait it fleantúch mei de kamera nei Nederlân ta: Hoek van Holland, de Waadeilannen, wy sjogge noch in glimp fan Parys, fan Leer, mar komme dan oer it waad oan de Fryske kust en swaaie it binnenlân yn. Ek yn Fryslân reint it. Fan Starum oer de Wâlden, oer Arum en Furdgum ‘zoomt’ de kamera yn op de stêd, dêr't it yn dit boek fierder oer gean sil: Ljouwert. Dêr wenje 80.000 minsken en fjouwer fan har, dy't tafallich op dy reinige jûn mei de trein fan 22.04 oere út Harns yn de stêd werom komme, wurde eefkes beljochte. Op 'e selde wize as de skriuwer earst in ‘overview’ fan West-Europa jûn hat, lit er no ûnderskate lokaasjes yn de stêd sjen om út te kommen by dyselde fjouwer minsken fan wa't wy de gesichten werkenne as dy fan de treinreizgers. Simultaan, mar dat betsjut yn in boek fansels altyd efter inoar oan, beskriuwt Terpstra dêrnei de tocht fan it stasjon nei hûs fan syn fjouwer minsken. By Geertsma en Gerry liedt dy streekrjocht op hûs oan, foar Nynke en Eelco respektivelik by in dancing yn de Lombardstege en by Harmonie en Oranjehotel lâns. Nei dy brede, filmyske ynset wurde de ferhalen fierder op in gewoanere wize ferteld, mar de skriuwer begjint elts haadstik wer mei in skets fan de situaasje, earst mear yn it algemien, dan spesifyk dy dêr't syn romanfigueren yn ferkeare. Dy begjinstikjes fan de haadstikken hawwe in objektyf registrearjend karakter en Terpstra hat besocht op konsekwinte wize allinne mar te fertellen, wat eltse bûtensteander sjen kinne soe. Hy fertelt oer it waar, oer de tiid fan de dei, oer de drokte op strjitte ensafuorthinne. As syn kamera-each dan by ien fan de romanfigueren útkommen is, feroaret er fan technyk. Troch in personaal perspektyf te kiezen lit er de lêzer yn it ferfolch fan sa'n haadstik belibje, wat de haadrolspiler fan dat momint meimakket. Hy beskriuwt net allinne mear it uterlike barren en de petearen, dy't elts sjen of hearre kinne soe dy't derby wie, mar ek wat der yn dy iene | |
[pagina 168]
| |
minsk omgiet, hoe't er reagearret, wat er lêst en wat er tinkt. Sa'n goed folhâlden personaal perspektyf hie Anne Wadman ek tapast yn syn debútroman Fioele en faem fan 1948, mar de measte Fryske romans fan dy jierren hiene noch it auktoriale perspektyf fan de alwittende ferteller dy't yn de hollen fan al syn personaazjes tagelyk sjen kin en al wit, wat de takomst har bringe sil. Trochdat Terpstra yn dit boek wolris earst de iene figuer en dan de oare folget by itselde barren, fertelt er soms wat twa kear, mar dan fanút ferskillende eachpunten wei. Dat is in aardich eksperimint, dat syn roman ta in foar dy tiid ‘modern’ boek makket. Oan 'e ein fan elts haadstik docht de skriuwer noch even de rûnte en sketst wêr't syn fjouwer minsken op in bepaald stuit binne. Gauris komt er yn dy slotfragminten noch wer werom op wat der yn it begjin fan it haadstik beskreaun is. Lykas de haadstikken rûnet Terpstra ek it hiele boek of troch nei it begjin werom te gripen, mar sa't er earst fan buten nei binnen ta wurke hat, lit er oan 'e ein sjen, dat it libben (mei in wurd fan Troelstra) ‘yn kringen om ús hinne leit’, kringen dy't hyltyd wider wurde: dy fjouwer minsken, de minsken yn Ljouwert, op 'e Waadeilannen en yn de grutte wrâldstêden. Sadwaande makket er fan syn fjouwer Ljouwerters symboalen foar it hiele minskdom. ‘Rûnom wenje minsken mei har eigen libbensferhaal’ liket er de lêzers dúdlik meitsje te wollen. Dochs hat er makke, dat hja krekt foar dy fjouwer yn de Fryske haadstêd mei har nuver yn inoar gripende skiednissen belangstelling krigen hawwe. Dat der rûnom op de wrâld oare lju wenje, dy't al as net dingen mien hawwe mei dy romanfigueren kin de lêzers op dat stuit net folle skele en dêrmei is de ôfrûning fan it boek wat te neidrukkelik. De útbylding fan it libben yn in net al te grutte, net al te lytse stêd is it sintrale tema fan it boek. De skriuwer jout trochsneden fan dat libben. It boek begjint op in reinige jûn yn wierskynlik jannewaris, febrewaris - de hurd baarnt noch en de kranten hawwe advertinsjes foar de wintersport - en einiget mei krysttiid. Alle barren spilet him yn sa'n trije fearnsjier ôf. Yn syn resinsje yn de Ljouwerter Krante (27 oktober 1956) murk Ype Poortinga op, dat yn de Fryske literatuer twa eardere foarbylden fan dat ‘trochsnede-prosedee’ oan te wizen binne: Abbingawâld (1947), oer it libben op in deftich doarp fan Sjoerd van der Schaaf en In frou | |
[pagina 169]
| |
tofolle (1951) fan Gerrit Mulder oer in sikehûsmienskip. It liket derop, dat it benammen de sjoernaliste-skriuwers binne dy't sosjologyske belangstelling toane yn har romans! Poortinga wiist ek op foarbylden út de wrâldliteratuer, lykas Berlin Alexanderplatz fan Alfred Döblin. Der sit yn sokke boeken altyd in sterk elemint fan konstruksje, dat, as it troch it literêre bousel hinne stekt, de lêzers hinderet by it har oerjaan oan de suggestje, dat der in spontaan stik libben werjûn is. Anne Wadman hat der yn syn krityk yn De Tsjerne (1957) op wiisd, dat de oantsjutting ‘ramtfertelling’, ‘frame story’, fan it omslach net alhiel krekt is, of de stedsympresjes dy't iderkear de haadstikken ynliede en dy't ta doel hawwe de libbens fan de haadpersoanen gear te binen en yn in list te setten moatte as it ramt sjoen wurde. Hy praat leaver fan in simultaanroman, omdat de skriuwer as by in skaakwedstriid oan ferskillende buorden yn de ûnderskate partijen syn stikken fierder skoot. | |
WurdearringDe resinsinten hiene by it ferskinen fan it boek nettsjinsteande de beswieren tsjin it ‘mechanyske’, it ‘konstruearre’ karakter oer it generaal wurdearring foar it besykjen fan de skriuwer om frijwat tafallich keazen yndividuën eksimplarysk te meitsjen foar de minsken yn it algemien en it libben yn in Fryske stêd foar alle minskebestean. ‘It ferhaal kriget der romte en perspektyf troch,’ skreau Anne Wadman. It boek die him en dan benammen yn de fragminten oer Eelco en Nynke tinken oan De koperen tuin fan Simon Vestdijk út 1950. ‘Beide romans hawwe Ljouwert ta eftergrûn, nee ta méar as eftergrûn: ta katalysator, ta boarne fan ynspiraasje.’ (...) ‘Terpstra syn boek hat mear faasje, mear oerflaktespanning tsjinoer de gauris wat stadige, muoisum him ûntjaande djiptespanning fan Vestdijk. It is yn wêzen moderner, ynsafier't it qua libbenssfear èn qua skriuwstyl mear oanslút by ús eigen tiid.’ Dat it stedslibben beskreaun waard, wie yn de fyftiger jierren yn de Fryske literatuer ek noch wat útsûnderliks. Yn de measte Fryske romans wiene boeren noch de haadpersoanen, hoewol't in dichter as J.D. de Jong yn syn fersebondel Lunchroom yn 1936 de stedskultuer al omtinken jûn hie. Tiny Mulder skreau yn De Stim fan Fryslân (11 jannewaris 1957), dat | |
[pagina 170]
| |
Terpstra as sjoernalist syn stêd út 'e pinne koe en in moai folslein byld hie fan alle miljeus dy't meiinoar de stêdsmienskip útmeitsje. It bysûndere fan de fjouwer romanfigueren is dat hja deagewoan binne. ‘De ûnkearberheid fan de katastrofen yn elk fan de fjouwer libbens hat Terpstra fassinearjend beskreaun, mar ek mei in leafdefol begryp en in kristlike barmhertichheid. De effekten fan de moderne tiid op in stêd en fan de moderne stêd op minskelibbens hat Terpstra skerp waarnaam en werjûn en dêrtroch konfrontearret er de lêzers mei har eigen tiid en har eigen wize fan bestean.’ Yn sa'n opmerking oer de ynfloed fan de stêd op de minsken klinkt noch wat nei fan de stereotipe opfetting út de boereromans dat út de stêd mei har ferliedingen neat gjin goeds komme kin. By de werprintinge yn 1973 is it boek net mear besprutsen yn de Fryske biêden. Wat yn 1956 noch opfallen wie as in besykjen om oare wegen te gean wie yn de santiger jierren gjin nijs mear. | |
UtjefteskiednisFjouwer minsken yn in stêd is yn 1956 troch Drukkerij Laverman N.V. útjûn. It is in ynbûn boek fan 230 siden, mei in stofomslach. Bân- en omslachûntwerp binne fan Jentsje Popma. De oplage wie 2100 eksimplaren en de priis ƒ6,90. Yn 1973 hat Utjowerij De Terp yn Ljouwert in reprint fersoarge as peperbek mei in omslach fan Durk van der Ploeg. De oplage wie doe 1000 eksimplaren en de priis ƒ9,90. De skriuwer sels hat syn roman yn it Nederlânsk oerbrocht. It boek is ûnder de titel Vier mensen in een stad yn 1957 by Bosch en Keuning N.V. yn Baarn útkommen. |
|