‘oan de pet’ ensafuorthinne is it lidwurd bekoarte ta ‘'e’. Oantsjuttingen fan famyljeleden lykas ‘Heit’, ‘Mem’, ‘Muoike’ binne mei in haadletter stavere as hja fungearje as eigennammen. Letterlik werjûne tinzen dy't as sadanich ek oantsjut binne mei ‘tocht hja’ of sokssawat binne tusken skrapkes set. Itselde jildt foar letterlike sitaten út kranten ensafuorthinne. By yndirekt werjûne tinzen binne de streekjes dy't de skriuwer brûkt hat om oan te jaan, dat der wat yn de hollen fan syn persoanen omgie, hanthavene.
Tineke Steenmeijer-Wielenga