Fjouwer minsken yn in stêd
(1995)–Pieter Terpstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 161]
| |
Oanrin‘Ik haw in swak foar it folksaardige, mar ik wol de moderne rjochting like goed bôd jaan,’ skreau Piter Terpstra yn 1944 oan Anne Wadman. It (omstavere) sitaat komt út in brief dy't opnommen is yn it boekje ‘Dou sjochst it oars as ikke’, dat yn 1989 by de 70e jierdei fan beide skriuwers útjûn is troch it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. It earste boek fan Terpstra, in Hollânsktalige publikaasje oer de Noard-East-Polder, wie doe al ferskynd en hy wurke oan ûnderskate oare boeken. Nei de oarloch soene dy it begjin foarmje fan in grut en bûnt oeuvre. Yn dy briefwiksel út 1944 en 1945 komt Terpstra nei foaren as ien dy't de folksskriuwerij ferdigenet as wat ‘echts’ tsjinoer de moderne, mear eksperimintele, artistike rjochting, dêr't er, grutte talinten - lykas Wadman - net te nei sprutsen, in protte neifolging en sabeare-gedoch yn fynt. Ut de brieven docht bliken, dat Terpstra as begjinnend auteur syn posysje al keazen hat: hy wol - sûnder syn artistike oandrift geweld oan te dwaan - skriuwe foar in breed publyk. Net allinne foar lêzers mei in beskate literêre foarming, mar foar alle minsken mei nocht oan lêzen. Op 28 desimber 1944 skreau er: ‘Myn ideaal is, dat ik as skriuwer wat foar it folk, benammen foar it Fryske folk wurde kin, al wol ik der net op út, dat ik myn wurk dêrom oars dwaan soe as dat ik it neffens eigen gefoel dwaan moat.’ | |
LibbenPiter Terpstra is te Ljouwert berne op 29 desimber 1919 as soan fan Arjen Terpstra en Geertje Grilk. As jonkje fan trije jier is er nei De Lemmer ferhuze, dêr't er fierder opgroeide. Heit wurke yn Ljouwert op in kantoar, mar hie letter op 'e Lemmer in boekhannel anneks lêsbibleteek, wylst er ek korrespondint foar de Leeuwarder Courant wie. | |
[pagina 162]
| |
Yn 1937 kaam Terpstra mei in MULO-B-diploma fan skoalle. Syn doel wie sjoernalist te wurden, mar leaver noch auteur. In broer fan syn mem, Cornelis Grilk, wie yn dy jierren (ek as C. Goudriaan) in net ûnferneamd skriuwer fan jongesboeken. Troch de tiidsomstannichheden kaam der ynearsten net folle fan in karrière as literator, mar Terpstra levere yn de lette tritiger jierren út en troch wol stikjes oan it Nieuwsblad van Friesland ûnder it pseudonym P.G., wat stiet foar Piet Grilk. Heit Terpstra waard direkteur fan it distribúsjekantoar op 'e Lemmer en sadwaande krige de soan de boekhannel mear en mear op 'e noed. Yn de lêste oarlochsdagen is it hûs fan de Terpstra's troch in granaat troffen en Piter syn mem is dêrby sa swier ferwûne rekke, dat hja in wikemannich letter kaam te ferstjerren. Piter Terpstra troude yn 1946 mei Anne(ke) de Vries fan Balk, mei wa't er earst yn Grou, letter yn Weidum en sûnt 1949 altyd yn Ljouwert wenne hat. Hja hawwe fjouwer bern krigen. Soan Arjen hat Frysk toanielwurk skreaun en dochter Sigrid wurket wol mei har heit gear foar syn publikaasjes en hja hat ek wurk fan sines oerset. In fêste baan oan in krante hat Terpstra nea net folle foar field. Yn de simmer fan 1945 hat er in wykmannich diel útmakke fan de Ljouwerter redaksje fan Het Vrije Volk en neidat der in ein kommen wie oan it ferskiningsferbod fan it Nieuwsblad van Friesland wie er in jiermannich oan dy Hearrenfeanster krante ferbûn, mar letter hat er altyd selsstannich sjoernalist west. De kranten en blêden dêr't er oan meiwurke hat, binne njonken de al neamde: Nieuwsblad van het Noorden, Frysk en Frij (dêr't er in skoft einredakteur fan wie), Nieuwe Rotterdamse Courant, Trouw, Dit is Friesland, Friesland Post, Friese Koerier en Kijk op het Noorden. By it berikken fan de leeftiid fan 65 jier hie Terpstra syn sjoernalistike wurk al hast hielendal dellein, mar hy skreau noch wol columns, kommintaren, resinsjes, toanielkritiken en skôgings. Net allinne yn de skreaune parse, mar ek foar de (regionale) omrop. De lêste jierren leit er him hast allinne noch mar ta op it skriuwen fan romans, dokumintêres en harkspullen. Sa hat er ûnder oare in tal romans fan Theun de Vries foar de radio bewurke. Tegearre mei Rients Gratama wurket er oan in iepenloftspul foar Jorwert. | |
[pagina 163]
| |
DebútPiter Terpstra debutearre yn 1941 yn It Heitelân mei proaza en poëzy. It Algemien Frysk Jongereinblêd mam yn datselde jier ek al fersen fan him op, mar in dichter is der net út it destiids o sa warbere lid fan it Boun fen Frysk Nasjonale Jongerein groeid. Hy makke letter út en troch noch wolris persoanlike ferskes, dêr't guon fan publisearre binne yn gelegenheidsútjeften, mar Terpstra nimt himsels as poëet net serieus. Syn earste publikaasje yn boekfoarm, it boppeneamde boek oer de Noard-East-Polder, is yn 1941 yn Snits útkommen. Yn de lêste oarlochsjierren hat Terpstra (neffens syn brieven oan Wadman) ûnderskate boeken ûnder hannen hân, njonken in artikel dêr't er de kwestje fan de folkskeunst tsjinoer de ‘literêre’ keunst yn behannelje woe. Hy skreau oan in Nederlânske roman, oan in rige jongesboeken, dêr't ien fan in detektiveferhaaltsje wie dat er ek yn it Frysk bewurkje woe en hy wie oan it sammeljen mei de fersen fan Sjoerd Meinesz, W.J. Koopmans, O.S. Akkerman en oaren. Syn Fryske folksdichters, in karlêzing mei in ynlieding en libbenssketsen kaam yn 1945 út. Dat wie syn Fryske debút yn boekfoarm. | |
Sjoernalist en skriuwerNjonken de spanning tusken it ‘folksaardige’ en it ‘moderne’ hat yn it skriuwerskip fan Terpstra ek dy tusken it ‘sjoernalistike’ en it ‘literêre’ meispile. Hy hat gâns publisearre op fersyk of yn opdracht fan oaren en minder út allinne mar artistike oandrift wei. Gjin niget dat it by sok wurk wolris mear om fakmanskip en úthâlden gie as om ynspiraasje. Yn syn tsjokke dokumintêre boeken lykas dat oer de Fryske lânbou en bygelyks ek dat oer de sosjaaldemokratyske beweging yn Fryslân fertelt Terpstra op in oannimlike manier oer de skiednis. It binne gjin wurken, dêr't it lêste wittenskiplike nijs yn bekend makke wurdt, mar hy hat der wol in protte materiaal yn by elkoar brocht en it is him slagge de soms drege Stoffe te popularisearjen en sadwaande de gewoane lêzer op in libbene wize de histoarje te presintearjen. Mei in literatuerlist ferantwurdet er wêr't er syn kennis wei hat en geruft er tagelyk de belangstellende lêzer, dy't sa'n list as paadwizer foar eigen ûndersyk brûke kin. De sjoernalistike skriuwer is yn sokke publikaa- | |
[pagina 164]
| |
sjes in yntermediêr tusken wittenskip en publyk. Yn syn romans oer it libben fan grutte of nijsgjirrige histoaryske figueren jout Terpstra wol in oansprekkend byld fan in minske yn syn tiid. Oars as yn de dokumintêre boeken nimt de auteur yn sokke romans de frijheid om syn fantasije te brûken. Yn syn tankwurd by de útrikking fan de Piter Jelles-priis, dy't him yn 1988 takend is foar syn boeken èn foar syn krewearjen op it mêd fan de kultuer yn Fryslân, klage de skriuwer der oer, dat it as in komplimint beskôge wurdt as der sein wurdt, dat jins sjoernalistike wurk wat literêrs hat, wylst der oarsom lytsachtsjend praat wurdt fan ‘sjoernalistike hastigens’ by it skôgjen fan literêr wurk. Terpstra fielde him, ear't er him hielendal op it skriuwerskip útlei, yn it foarste plak sjoernalist, mar hy achte it - ek doe - net binlik, dat syn literêre wurk beoardiele waard as soe it te flot en mei ‘sjoernalistyk gemak’ skreaun wêze, eat dat nef fens him net by in goede sjoernalist past. Benammen yn syn Fryske romans hat er besocht heger te rikken. | |
It Fryske wurkIt earste ‘eigen’ Fryske boek fan Piter Terpstra, it earste skeppend proaza yn it Frysk, wie it yn 1947 útkommen detektiveferhaal It geheim fan Osingastate, dêr't er it yn 1945 al yn in brief oan Wadman oer hân hie. It waard itselde jiers al folge troch De trein fan healwei achten, dat earst as feuilleton yn Frysk en Frij stien hie. Moai algemien wurdt de psychologyske roman Fjouwer minskenyn in stêd fan 1956 lykwols as syn echte Fryske romandebút beskôge. Oare oarspronklik Fryske romans binne Soldaten en muzikanten (1959), De wrâld is der op tsjin (1967,1976), 80.000 yn in stêd (1976), de trilogy oer it libben fan Gysbert Japicx dy't bestiet út: De dei isforroun (1972, 1976), Mjitter fan ús jierren (1989) en Bewarje myn namme (1993) en Wolken en stjerren (1994), in roman oer Eise Eisinga syn libben yn de jierren 1774 oant 1795. Under de titel De kimen lizze te fier joech Terpstra yn 1972 (werprintinge yn 1976) in oarspronklik Hollânsktalich boek fan syn hân yn Fryske oersetting út. Oarsom binne ek guon fan syn Fryske romans letter yn it Nederlânsk útbrocht. Yn it Frysk hat Terpstra fierder noch gâns in rige toanielstikken en | |
[pagina 165]
| |
harkspullen skreaun. Mei De triljende ierde, in toanielstik oer Piter Jelles Troelstra, hat er it measte sukses hân. Syn bibliografy omfettet sa'n 125 titels, foar in grut part binne dat gelegenheidsútjeften, wurk oer aktuële ûnderwerpen fuortkommen út syn sjoernalistyk wurk, dokumintêre boeken en folksaardige, histoaryske romans yn it Nederlânsk, dêr't in trilogy oer Eeltsje Halbertsma by is. Terpstra hie in skoftlang in foarkar foar it skriuwen fan detektives en mei jilde as fuortsetter fan it wurk fan Havank (H.F. van der Kallen) troch in rige boekjes oer ‘de Schaduw’. Dat it tal Fryske romans yn ferhâlding ta de Hollânsktalige lyts is, hat faaks dêr mei te krijen, dat er it skriuwen fan in Frysk boek earnstiger nimt. Yn in fraachpetear hat de auteur alris sein, dat troch syn ûnderfining fan lange jierren as sjoernalist it Nederlânsk him liniger ôfgiet as it Frysk. ‘Ik moat it wurdboek der noch al ris by ha. Dêrom geane myn Fryske romans djipper en fyn ik dy sels ek better.’ (Friesland Post, desimber 1989). | |
It plak fan Terpstra yn de Fryske literatuerskiednisUnder de neioarlochske Fryske proazaskriuwers is Terpstra de skriuwer foar in breed publyk, mar hy wurdt net beskôge as leveransier fan maklike ‘hy-en-sy’-romantsjes of as skriuwer fan kristlike folksboeken. Dêrfoar binne syn haadfigueren - Gysbert Japicx, Eise Eisenga, Betzy Akersloot-Berg en de minsken dy't er yn syn beide Ljouwerter romans beskreaun hat - te apart en binne syn lokaasjes - it 17e-ieuske Boalsert, it 18e-ieuske Frjentsjer, Berlyn koart nei de twadde wrâldoarloch, Flylân en Ljouwert - te dúdlik mear as allinne mar in dekôr. Benammen yn Fjouwer minsken yn in stêd hat er besocht moderne stylmiddels ta te passen en hat er eksperimintearre mei de struktuer. It twadde Ljouwerter boek, 80.000 yn in stêd (1976), hat Terpstra nei eigen sizzen skreaun, omdat it earste him safolle jier letter ryklik nayf talike. |
|