fan de Sint-Vitus har by it skouder krige en mei in swiet praats je fuorttroaide. Lake waard der ek by in oar foech trelit. Twa missjongers fan de latynske skoalle wiene de draaitrep opbruid en bestiene it om fan 'e omgong ôf har maten te bekûgeljen mei wylde kastanjes. Ek de sûpesutelers út de Bûterherne namen mear as oars har paad nei hûs oer it Aldehouster tsjerkhôf, slij nei nijs as se wiene en ferlegen om wat lêberij.
Wa't him net sjen liet wie magister Pier. Hy hie de lêste leanen troch syn prokurator útbetelje litten en my troch him te witten dien, ik koe my foar it ôfhanneljen fan de pecunia mei it Riedhûs ferstean. It wie my bêst. Miskien, betocht ik smeulsk, sit er no thús de lêste caroli's fan syn fûnsen te tellen of briedt er nije plannen út om de boargerij boeten fan 'e lea te skuorren. Wolno, ik koe syn deistich machtsfertoan slite as spein spek.
Oftakeling rûnom. Omskaaiend yn myn loads besocht ik oarder op saken te stellen. Ik makke regaad yn heal útwurke ûntwerpsketsen, rôle oaren op, mar ferskuorde dy letter dochs ek, skifte it mastersridskip, liet in slyptrôch fol mitselmallen nei de kelders fan it Riedhûs bringe. Ik drige foar Van Aakens reliëftekening; foarsichtich makke ik him los fan it lewant, pine yn it hert, en naam it keunststik mei nei myn keamer.
Wat bûn my noch oan dizze stêd? Men moast hurdzjen leare, hertsear ferbite, jins ferlies nimme as in man. Mar wie dat minskemooglik? Wat my op 'en djipsten rekke wie as yn reek ferflein ommers, weiwurden efter keale, swijende kleastermuorren. Dêr siet de oast, en ik wist der gjin bile op te setten.
Wannear't de bingel fan de Wite Susters yn 'e fierte klipte koe ik it hommels foar my krije: Christyn, faaie fûgel, yn boetekleed tusken de wytbekape nonnen, útsletten noch fan it miene koargebed, knibbeljend yn in hoekje fan de kapel.
Berou, hie de prior sein, mar wat wiene har sûnden winlik? In fanke, fan hûs ferstaat, in erfdochter, koartwjokke yn har earste leafde. Dan in jonge frou, knoeid yn har mem-wêzen, yn