| |
| |
| |
XVI
Waard ik roppen? Ik stiek de holle út 'e roef fan it reelizzend fearskip, dêr't ik huverich wat smoutte socht hie. It wie de fallaatsman seach ik no. Tsjin de stive súdwester yn sette er beide hannen as in trompet oan 'e mûle.
‘Jo kiste en reisguod is der, hearskip!’
Nêst him postuerde Goart, dy't brike snuten loek en wiisde nei it boatsje dat bûten de fallaatskolk roeikjend foar 'e wal lei. Ik die de hân omheech en betsjutte him om myn bagaazje mar oan board te bringen.
Dit wie dan de útsetter. Wie it de spanning fan dizze ôfreis dat ik my fielde as in finzene, dy't dwaande is om syn lêste traalje troch te fyljen? Dagen fol saaklike besonjes leine efter my, drokten en bestel dêr't men net foarwei kin, al soe men it graach wolle. Der wie nammers gjin reden en slûp as in dief yn 'e nacht fuort. Sa hie it noch frijwat fuotten yn 'e grûn hân, ear't ik mei it boukapittel ta in útdragen saak kommen wie.
Dat hie juster west op in riedhûsgearsit, foltallich beset op magister Pier nei, dy't it op syn omke, de deken, stean liet. Miskien is er skurf, hie ik yn stilte tocht, en siket er ferwin en treast by it wynfet. Oan alles hie ik fernimme kinnen, der hie ûnderling stoarmwaar west oer wat my, dy't de tsjinst opsein hie, no fan rjochten takaam oan lean. Hiene de Burmania's wer ris yn 't gat hongen? It lei my flak, mar breed fan spraak en taastend fan wurd hie boargemaster Sierxsma dochs syn spyt útsprutsen oer myn ûnferwachte beslút ta ûntslach. De goudgûnen dy't derta stiene hie er my troch de stedsklerk foartelle litten, net sûnder my tank te bringen foar de no sa hommels ôfbrutsen tsjinsten, ferliend oan ‘ús goede stêd’.
| |
| |
As út 'e fierte wei wiene syn wurden oer my hinne gliden, gelde fermules, dy't my tiid en talis joegen en nim it selskip noch ienkear goed op. Skean foar my oer, de eachslidden heal foardel, doctor Upcke, swijend as altyd, it fleizich wêzen weisakke yn pûdzjende ûnderkinnen. De beide boupastoars, hear Fedde en hear Focke, glom de plasse as foarhinne; hja knikten ien fan sin as der knikt wurde moast, seagen de sterke earm fan it gesach nei de eagen, al hie har praat justjes frijer like, no't Goliath, harren húnder, út de slachoarder miste. De feale klerk tyspele mei syn guozzefear en hie it ferfeelsum gap jen efter syn hân net litte kinnen. Under de omsittende froedslju telde ik de stûfe koppen, notabele boargers, wa't it boerich wêzen noch net ôfstoarn wie. Hoe grut, hie ik tocht, geane se allegear op har stêd, dy't winne moat yn macht en oansjen, dat se sels meigroeie kinne! In machtigen tsjerke-en-toer, út dizze platte polders wei fier te beëagjen, hie de kroan wurde moatten op dy sucht ta stigen, ta útblinken. In Icarusflecht, dêr wie it op útdraaid, mar nije plannen wiene al wer yn útsetting, drystwei boud op selsbefestiging en iksucht. In gevel wie it, in glêde bûtekant fan geseten stedsreginten. En dat wylst yn 'e earmoedbuorrens it ferset tsjin clerus en kromstêf stil fuortkankere...
Mar mocht ik sa wol? Myn wurd fan tank en ôfskie hie koart west. Foarmlik hie ik gewach makke fan wurk dat my yn Montfoort wachte - in winsk dy't ik as in wissichheid foarbrocht hie - om sa de ynlikste reden dy't my fuortdreau bedobbe te hâlden under it kâldfjoer fan saaklike driuwfearren. Wat my minder boppe it hert ôfgong wie it ôfstan dwaan fan myn rydhynder. Ik moast it kwyt no't de tiid fan it jier der net nei wie om oer drekkige lânwegen de útreis oan te gean. Op in liddige neimiddei hie ik it bist foar it lêst it seal oplein en wie fan hûs riden, de Leaffrouwepoarte troch. De wachter hie my steande hâlden, ferlegen om in praatsje, en hie it bist de roskaam oer de skoft helle. Ut har nis yn it poartehûs hie de stiennen Madonna my as bestraffend oansjoen, net oars as wie
| |
| |
it har leed dat ik har alter yn 'e Sint-Vitus sa skromelik mijd hie. Peccavi, it soe der net mear fan komme!
De Hege Dyk hie ik nommen, it Lazarushûs foarby. Sa mooglik noch tryster en neakener stie it dêr ûnder de pôkige hjerstloften. Hjir hie myn earste treffen west mei ien fan dy alderellindichsten, dy't elke stêd bûten syn wâlen keart. It wie troch my hinnegien, hoe't se dêr no sitte soene yn har houten opstal, útskot, de skeinde lea waarmjend by in sunich fjurke. Myn rit bûtenút hie net lang duorre. Skier-ferlitten fan alle fee leine de lânen derhinne, beamblêden stoden en twirren en ûnder de hynstehoeven kweaze de modder fan 'e klaaidyk. Ik hie my ôffrege, wat ik hjir eins noch die, dat al gau hie ik it hynder yn oarewei mend. Doe't ik de Leproazewei del foar it pún stien hie fan it Fiswerter kleasterke wie it my oer wurden en jage in izige heilbuoi my nei stêd werom. Hastich hie ik it gat opsocht fan de Hoekster Poarte.
Bliid ta hie ik west dat myn hospes de guds oernimme woe. Sûnder omstel hie er my de priis bean dy't ik jûn hie, dat gehantsjebak mei hynsterossers dy't jin it fel fan 'e fingers tingje wie my besparre bleaun. It factotum Goart hie my tasein, hy soe foar it bist soargje as wie it syn eigen faam.
No't ik hjir op it fearskip stie, wie ien ding my yn 'e wei. Ik hie der net ta komme kinnen en lis wat lette túnblommen op it grêf fan de man dy't my hjirhinne helle hie, sa't ik earst hillich fan doel wie. Skjinpraat hie ik mysels troch it op myn reistarissings te smiten. Mar wie dat mear as in útwynsel? Dat Nijehouster tsjerkje - ik wist it mâle skoan - soe fonken opreakelje, dy't my sûnder ophâlden it moed skroeiden. Ik moast it fuorttriuwe, hie ik mysels foarhâlden, my fermanje, no't it om it lêste socht.
Dat lêste hie dan west it akkoartsjen mei dizze bûterskipper, dy't in fear hie op 'e stêd Starum, in man fan koarte wurden. Neffens him soe ik dêrsanne fêst in skûteboer treffe dy't my meinimme koe de Sudersee oer.
Sa hie ik dan fan 'e moarn my by it Skavernek oersette litten en
| |
| |
hie it skipke opsocht, dat al bûtengrêfts yn 'e fallaatskolk lei. Goede winsken fan myn gastwarders hie it my net oan ûntbrutsen. De apelwankjes fan frou Baef wiene wiet en Sape Selsma hie my de hân sawat searknypt. Syn wurden hiene my goeddien.
‘Wat binnen dizze balken bard is, ferjit it, master Cornelis. Wy sille der mei rêde. Goereis, behâlden thús, en gjin noed om ús.’ Geef folk, hie ik tocht, wylst ik myn oandwaning fuortslokte, lju dêr't gjin spyn oan sit, dy't komme sa't se binne. Mei sokken is in boargerij behâlden, in sterke skeakel tusken de skeamele ruters en de batske stinsbewenners.
De rêch yn 'e wyn stie ik nêst it roer en seach út de krage fan myn reismantel it geskrep om my hinne oan. Oer de lângong rôlen de lêste bûterfetsjes en waarden rap yn it rom loege. It opdoeke seiltsje kaam los en mei de fallaatsman soarge Goart dat myn guod in plakje krige yn it foarûnder. Wylst ik de knaap in wolfertsjinne foan yn 'e hannen treau, koe er it wer net litte en begjin oer in bizestreek dy't se juster mei Minck de nar útheefd hiene. Mar de skipper krige him by it skouder, wiisde nei de wâl en hiet him de lânfêsten los te meitsjen, dat hy sprong as in hazze fan board.
Kriezjend draaiden no de bûtenste slútdoarren omheech, it kolkswetter riisde, wy foeren. Fan 'e skipper hie ik begrepen, oan it Galgerak ta soe it kloetsjen wurde, mar ienkear yn 'e Nijlânsfeart koe it seil derby. It helmhout yn 'e knûst stie de man nêst my yn 'e bollestâl, swijsum, de fûl wramende feint no en dan in fingerwizing taroppend. Ik hearde amper wat er sei, hie myn eagen net ôf fan it stedssilhouet dat oerstadich ferskode. Gril moarnsljocht briek troch en lei hjir en dêr oer de dakken in plak sinne.
Eastlik, oer de tuorkes fan de Sint-Jacobspoarte hinne, it Blokhûs, noartsk en bonkich, sûnder ien beam. Mear dat oer nei it stedshert de blauwe laaidakken fan de ealmanshuzen, derút kippend, no't it blêd út de binnenste hôven waaid wie.
| |
| |
Cammingha-hoarne, Minnema-espel, Ayttahûs..., hoe faak hie ik de nammen heard! Soene se ferskimerje ta lûden, holle lûden út in foartiid? Dêr wiene ek de spitse dakruters fan 'e kleasterkapellen, dat fan 'e Preekhearen it measte mânsk. Dochs miende ik ek dat fan de Wite Susters ûnderskiede te kinnen, mar al soe ik my fersjen, it wie net yn steat en nim de bitterens wei dy't my - earne djipwei - op dat stuit bekroep.
Nea soe dat fesperklokje my Christyn wer yn it sin bringe - en it wie goed sa, makke ik my wys, it wie goed, want wat soe dy klank dan óárs west hawwe as in wanlûd, in rou-let om wat ik foargoed ferlern hie? Ferlern hie? Hoe koe men immen ferlieze dy't nea fan jin west hie, oars as yn ferrifeljende dreamerijen?
Djip yn myn mantelsbûsen kniep ik de hannen ta fûsten, draaide mei in hoart de eagen yn oarewei. No gjin kluchten, foarby is foarby!
By it Skavernek kruiden se de bolwurksmole; as wite eamelders skrepte it molefolk om it houten karkas nei de wyn te setten. Strak soene de wjokken kreakjend útein gean en soene de wriuwstiennen binnenyn wer willich har deistich wurk dwaan.
Deistich wurk! Myn eagen dwaalden fierder, westliker, want dêr stie er, de toer, myn toer, in smertlape yn it stedsbyld. In gebed yn stien, sa hie Van Aaken it bouwurk bedoeld, al hie er soberder wurden brûkt. Dat hie it wurde sillen, wurde moatten, in ôfknotte strampel, dat wie it wurden, in torso, in flok. Ik seach skerper ta, merkbiet, hoe't op 'e boppeste omgong beweech fan minsken wie: timmerfolk, te set mei de platte, houten bekaping.
Ik huvere en ynienen ferwaze it byld, weage wei, sa't in wetterflak de omstreek brekt fan wat op 'e boaiem leit. Triennen? Djipper dûkte ik yn myn krage. Nee, de skipper nêst my hie gjin erch, soe it nammers bringe op 'e skerpe wyn, dy't jin yn 'e eagen pripke...
In boumaster bout in bliuwend hûs, mar yn tydlike stegers.
Wêr kamen dy wurden sa gau wei? En dêr riisde er my foar de
| |
| |
geast, Wigle van Aytta, hy hie se oanhelle út ien fan syn tsjerkfaders, dy iene snein fan ús gearwêzen. Tydlike stegers, ja dat wol, mar... in bliuwend hûs? In wanbeskik, in klobbe stien, skeansakke, op healwei stykjen bleaun! En in hûs ta eare fan wa? Fan God? Fan in tsjerke fol oangroeisel? Of fan kapittelhearen en stedsreginten dy't eigen eare bestribje, dy't sin oan harsels hawwe? Mar wie sa'n oanklacht earlik? Hie iksels, ûnder de dekmantel in keunstwurk te skeppen, dêr op Aldehou altyd fan my ôfrekkene? Wie it learjild, dat no fereffene waard?
Fertwivele stoarre ik del yn it wetter dat brûsde en wiele om it roer. Sa woele it ek yn my no, gjinien dy't it murk, nea hie ik my sa bitter ferlitten field. Wie sa it minsklik lot, ûnberekkenber weiwinend út it opmakke bestek?
Mei al sokke fragen omtiizjend hie ik juster myn behindich besit yn 'e reiskiste stâld. As lêste Van Aaken syn skaakboerd en nei wat wifkjen de reliëftekening fan de master, dy't ik ûnreedlikerwize besleat te bewarjen as in relekwy. No rôp it belytsjend byld fan de stêd deselde fragen op, twingender noch, nytgjend. Lyk as moast it antwurd dêrwei komme, omklamme myn iene hân, djip yn in bûse wei, wat ik by my stutsen hie: it spotskrift fan Erasmus en deun dêr tsjinoan en mei ien slútfiter omwuolle it lutherbibeltsje fan de faam dy't ik net hawwe mocht. It wiene de geskinken dy't dizze stêd my litten hie en beide soene, hie ik hoop, strak yn it lij fan 'e roef myn reislektuer wêze.
‘It seil derby, fluch wat!’
Rou boldere it lûd fan 'e skipper tsjin de feint, dy't as in wyld oan 'e fallen skuorde. De man oan it roer seach it oan, de tanige kop yn spanning, wrikte it roer dwers, as woe er my oan 'e kant skaaie. Mei klapperjend seil, skraal silend, stevenen wy it Galgerak yn en it luguber stik lân foarby dat ik foar it earst seach en dat myn Ljouwerter boufolk my wol neamd hie as it Galgefjild. Heech boppe in reidkrage út riisden galge en rêd, attributen fan rjocht en ûnheil, keal en ferware. Op dit rêd,
| |
| |
betocht ik, hie dus it lichem lein fan in Sicke Snider, ûnthalze en kniesd, in proai foar de fûgels. Van Aaken hie him kend, gjin dief, gjin moardner, mar in psalmsjongende Doper, yn opstân tsjin wat de clerus learde, de keizer easke. Christyn hie by syn skafot stien en doe't it ljocht út syn eagen sakke, wie har in nij ljocht opgien, in nije leare. It hiene tsjin my har eigen wurden west. Soe se him no ferflokke as in sûndich ketter? It woe net yn my del. Hie se my oars har bibeltsje stjoerd?
Op dat stuit oerfoel my in frjemd, twastridich gefoel, in oantrún wie it om ek in died te stellen, in teken. Soe ik it dwaan?
Efter it skipke waard de stêd stadich wei yn 'e minderjende moarnsdizen. Ik makke myn hân frij út de oare bûse fan myn reismantel en seach. Oan myn wiisfinger hong Christyn har slotsje mei it sintandryskrús. Ien tel gunstere it yn in trochbrekkende sinneblink. Stiif kniep ik de lippen opinoar. Doe stiek ik de earm bûten board liet it sieraad falle yn it skomjend wetter fan it Galgerak.
|
|