| |
| |
| |
XIV
Myn kampslach, sa't ik it neamde, mei de reus fan Burmaniahûs ynkommedearre my noch dagenlang, woe net by my wei, mar hie dit foar, dat myn Goliath de boupleats mijde as hie er dêr in hûn giseljen sjoen. De hotte hie de file wol foargoed rekke! Stie er skaakmat nei wat ik der tsjin him útbatst hie? Of brette er in nije set út om oer my gear te fallen?
Ien ding stie fêst, hy hie weet fan Christyn har ferbliuw te Swichum, - ynhoefier, dat wie in twadden. En wat wist er mear? Omgong mei doperfolk, hie er sein. Dat sloech op my, mar it moast in slach yn 'e loft wêze om my lytsman te krijen. Praat op 'e kant om, ornearre ik, oer wat him troch losse útkloarkerij oandroegen wie, dat koe net oars. Wis, ik hie mysels better yn 'e macht ha moatten doe't ik him syn geile eksploaten by dat keppelwiif rûke liet. By tûker fergjen hie ik him lichtwol yn 'e skjirre krige, oant er losliet wat ik foar alles witte woe. Of wie it wier, dat er oer Christyn har lot like ûnwittend wie as iksels? Mar wa wist dan fan har ôf? Myn tinken mealde aloanwer om dat iene punt: wêr yn 'e godsnamme wie it fanke bedarre?
Der wiene jûnen dat ik omswurf by it Blokhûs, de ierden wâl efter de ringgrêft meunstere, my yntocht hoe't se dêr fêstsitte soe, de spylbal fan soldeniersfolk, pinige op it slimst ûnder presje fan lju út it Hof om de lêste wierheid út har te krijen. It woe min yn my del, mar dochs griisde it my, dat in lot as fan Sicke Snider ek harres wurde koe.
Wat hie de boerinne fan Aytta-State ek wer sein? Yn triennen hie se yn it Swichumer tsjerkje foar it alter lein. Biddend foar ús, har freonen? Mar wêrom ús dan net opsocht, de Selsma's,
| |
| |
my? In somber fermoeden dage op, fertreau al it oare. Koe it bestean dat se harsels oanjûn hie om sadwaande oaren te bewarjen foar ferfolging? Unsinnich fansels, dat soks by jin opkaam. Twivel bleau oer, fragen dêr't de stomme kartouwen op 'e blokhûsdwingers gjin antwurd op joegen. Huverjend joech ik my wer ôf, broeide op myn keamer wylde plannen út om Christyn te ûntsetten, de wacht om te keapjen, flinterbousels dy't fuort yn pún foelen, stuolke as se wiene op ûnwissens en twastriid.
Twastriid en ûnwissens tekenen langer ek myn wurk op Aldehou, dêr't it folk no arbeide oan de kroanlist en balusters fan de tredde omgong. Seach men dy boppe-ein ris oan, dan like alles aardich yn glâns en blâns: it bûnt ferbân fan wikseljende mitsellagen, de te lead steande bomgatten, útsparre en yn profylstien besletten. De leadmaster prate al, foar de winter soe der noch úteinset wurde kinne mei it achtkant, de iepenwurke lantearne, sa't Van Aaken syn bestek it beskreau.
Eilaas, wannear't ik om it basemint hinne rûn, de iere fersakkingen seach, ek foar leke-eagen sichtber, dan koe ik syn lichttilligens net diele. It euvel ommitselje, dat koe, mar bleau in behelp, foar in boumaster in plaster op sear dat earne trochkankere.
Treasteleas siet ik foar myn ûntwerptafel, sûnder dat my folle troch de hannen kaam. It drigemint fan Pier Poerhei mei ûntslach lei my op 'e lea, koe my siedend meitsje; dan wer wûn it de noed om Christyn, dêr't ik yn weiflechte as yn in tsjuster gat. Oer de heap hinne wie dêr it hâlden en kearen mei it folk dat wrokke en die, bekronken as it him fielde - en mei rjocht - yn har deihier.
It joech suver in wolkomme ôflieding doe't de master-stien-houwer my melde, it houwen fan de sark foar Van Aakens grêf hie syn beslach krige. Wapene mei lichters en taaljeblokken teach ik mei in ploech nei it Leaffrouwetsjerkje en seach ta dat de stien te plak rekke. Opnij roek ik de geur fan it wijreekfet oer de iepene kûle, seach ik Christyn foar my oer stean,
| |
| |
fjochtsjend mei har triennen efter de rouwale.
Christyn - wêr ferskynde se my net? As ik jûns foar it skaakboerd siet, wie se om my hinne as in stille oanwêzige, de master en my ynskinkend, it sintandryskrúske om har hals blinkend yn it kearsljocht. Wapperjend waskguod oan in line makke my yndachtich, hoe't se my foargien wie troch har kokensdoar, de earms fol hearlik rûkend linnen. In bloeiend hôf waard de simmerapel dy't frou Baef my opdiste, in eftertún dêr't it beamkrôksel yn har hier rûgele, dy iene wûnderlike nacht. En struide ik yn 'e stâl myn hynder, dan koe ik it hawwe en lis de hân op it plak dêr't se sitten hie by ús flecht út de stêd. Dan wie it my as hie ik har jierren kend, wist ik al har geheimen, dingen dy't stilbleauwen foar oaren, har belêzenheid yn har testamintsje, har dryst en nuodlik gearspannen mei ôffalligen.
It wie op ien fan dy lêste neisimmerdagen dat in boade my tynge brocht fan boargemaster Sierxsma mei it fersyk om op it Riedhûs te ferskinen. Der wie in wichtich boadskip, sei de man derby. Wat hie dit yn? Erchtinken hie my al sadanich yn 'e macht dat ik alderearst tocht oan in set fan magister Pier, de grutte ûnsichtbere. De oare deis siet ik yn 'e riedskeamer, trije man fan it boukapittel foar my oer, dy't my freonlik begroeten. It foel my fuort op dat de beide Burmania's ûntbrieken. In faai teken? In goed? As ien fan de trije die boargemaster Sierxsma it wurd, evenredich en útmetten sa't ik al fan him wend wie.
‘Master Cornelis Frederiks, wy hawwe gjin moai nijs foar jo.’
Spand harke ik ta, útwindich koel, klear, sa't ik tocht, op alles.
‘Jo begripe,’ ferfette de magistraat, ‘wy hawwe as froedskip en kapittel yngeand te riede west oer de perikels, de rampspoed mei ik hast wol sizze, dy't ús bouwerij op Aldehou ûnderfûn hat en jitte ûnderfynt. It wie oermacht, dêr't wy tochten dat ferhelp foar wie. Lykwol, der komt no in nije tebekset oer- | |
| |
hinne. Fan tsjerkmasterswegen (hy neamde gjin nammen!) waard ús trochdien dat it der need hinneleit mei de fûnsen dy't foar de fuortgong fan it wurk ynstean moatte. Earlik sein, ynstruiïngs út ôflaten en bysûndere missen stûkje en ek ús wolstelde bûtenkleasters litte it sitte. Dêrby, de boargerij fan Aldehou sèls liket de offersin foar dit doel wat langer wat mear ôf te gean. Mar der is méár dat wy jo as boumaster net ferswije wolle, al sil it jo faaks nij oankomme.’
No folget myn fonnis, gong it troch my hinne, no komt wêr't ik foar bean bin. Mar de sprekker sprate de hân oer papieren dy't foar him leine en seach my sûnder in spoar fan fijannigens oan.
‘Sjoch, master Cornelis, ús goede stêd is soms in tsjin himsels ferdield hûs, al kenne wy ek de iendracht wol. Mar no leit it der sa ta, de espels fan Nijehou en Hoek akselje tsjin, lang al, en net allinne pecuniae causa. Hjir foar my leit in plan fan har kant foar tuorrebou yn it Minnema-espel, in nij ûndernimmen alsa. No wit men net hoe hurd oft soks fljocht, it is in plan, mar minder is, dat hja de hannen fan dat op Aldehou driigje ôf te lûken. Jo begripe, in slim parket, foar ús sagoed as foar jo. Wy as begeliedend kapittel hawwe der lang oer redendield, mar eilaas, ien en oar is fan dy gefolgen dat wij needsake binne om it bouwen by de Sint-Vitus tenearsten stil te lizzen.’
Roerleas hie ik it úthifke relaas fan de boargemaster oanheard.
Ien ding wie my klear, dit wie gjin falkûle, hjir waard iepen spul spile. Stillizze dus. Ophâlde mei in wurk dat nea wurde soe wat it hiet te wêzen. Ik koe net sizze dat it my trof as in wjerljochtslach. Kalm woe ik op dingen ynfreegje, saaklik, foarmlik, mar de magistraat wie my foar, kaam sels al op konsekwinsjes. ‘Wy wolle jo net ta Ljouwert útjeie,’ glimke er, as rette er myn tinzen. En wiidweidich gong er yn op rjochten en plichten. Myn beskriuwingsbrief, jildich en fêst-lein foar de doer fan de bou, - froedskip noch kapittel woe dêr oan toarne. Der lei no in útstel, ditte, ûnder deselde betingsten koe ik yn tsjinst fan de stêd bliuwe. Gong skielk de nije
| |
| |
bou yn in oar espel àl oan, dan soe der war dien wurde en bring dat ûnder myn boumasterlik tafoarsjoch.
‘Dit wie dan ús boadskip,’ besleat boargemaster Sierxsma syn wurden. ‘Wy woene jo net langer ûnkundich litte en mienden sa ek te hanneljen yn de geast fan jo foargonger silger. Wy hoopje dat ús foarslach jo oanstiet, mar in tasizzing fan jo kant hoecht net staf-oer-nacht. In wike betinktiid like ús net ûnreedlik ta.’
Ik knikte, die noch in pear fragen en ûnthiet my te berieden. In kertier letter fûstke ik ôf en it kaam my foar dat de trije kapittelhearen ferromme sykhellen, no't dizze nuodlike saak ynsafier útdragen wie.
Doe't ik de riedhûsdoar efter my tichtloek wie it my net minder rom om it hert. Ien ding wie wis, nimmen hie my by de hearen swartmakke, ek de lange Burmania net. It miste net, myn útfal tsjin him yn 'e tekenloads hie him de mûle snuorre. En wa oars, behalven de Selsma's, wist fan dingen dy't tsjin my brûkt wurde koene? Ja, Christyn, fansels Christyn, mar dy telde hjirby net.
Wûnder, it beslút ta stillizzing rekke my amper. No pas ergere ik my goed, hoe swier it erfskip fan Van Aaken my op 'e lea lein hie. In belofte hie it west, in ferplichting oan syn neitins, syn goenamme, mei by stuiten ek de idele driuw yn my om foar it earst eat gruts en moais te bouwen. Mar oan dy driuw hie al te faak de wjirm gnaud fan de twivel. Sa trochgean op Aldehou, fuortbouwe mei de blynkape foar, it wie ommers sisiphuswurk, skroarjen oan in belape kleed.
Dyselde jûne tusken frou Baef har slieplekkens foel myn beslút al: ik soe bliuwe. It oanbod lokke my, mar as ik mysels hifke wat my hjir bûn, dan stie my ien driuwfear foar eagen: Christyn. Op in dei soe se ûnferhoeds foar my stean, my útlizze wêr't se keard wie, de earms om my hinne slaan, my, har beskermer, har drakedeader. Mar dan wer pripke koel ferstân my wekker, lake ik mysels út. Jongesdreamen wiene it, wazige spinsels fan in fereale hert. Wa sei my, oft dat ea barre soe? Ik liet yn my
| |
| |
omgean om gouverneur Schenck fan Toutenburg in brief te skriuwen en easkje har frijlitting, stel mysels boarch of ramplesant. Healwiis, sa'n machteleas wapen! Stel dat se net op it Blokhûs siet, ik soe ommers sliepende hûnen wekker meitsje! Likegoed koe se molestearre wêze troch in binde ôftanke kriichsfolk, dat sa't de hjitting wie de lêste tiden op it boerelân omswindele en foar neat stie. Of - ik moast der net oan tinke -dat se... dea wie. Foar de safolste kear folge foar my in nacht dat de sliep him pas tsjin it deilemieren oer my ûntferme.
Wat my in dei-twa letter wer nei it Leaffrouwetsjerkje op Nijehou dreau, ik soe ik net sizze kinne. Miskien wie it om te sjen, oft de lêste hân oan Van Aaken syn stien yn it skip goed syn gerak krige hie. Miskien wie it ferhoalen oanstriid en lis op it stee dêr't de master rêste ferantwurding ôf, om steande foar syn sark my ôf te freegjen wat hy dien hawwe soe bywannear't er dit stadium fan it wurk belibje mocht hie. Yn tinzen wei glied myn each oer it grêfskrift, opmakke troch de latynske rektor, sa't it no beitele stie yn it skier-blau ardún. Vita brevis est, longa ars. It hie de rektor syn idee west om dy Senecaspreuk yn it epitaaf te ferwurkjen en ik wie deryn meigien. No foelen de twa lêste wurden derfan my oan as in spotslach, in bitter wanlûd. Yndied, de master syn tiid fan libjen yn dizze stêd hie koart west, drôvige koart, mar hoe koart hie ek de keunst dy't er hjir skeppe woe de tiid treast west, útrûn as er wie op in mistribele toer. En dochs, syn eindoel hie goed west, in dream yn stien del te setten, geef, opstribjend nei de himel, sa't syn foargongers fan by âlds, de kathedraalbouwers, har hillige eindoelen hân hiene, wylst de generaasjes inoar opfolgen, skeakels yn in keatling...
Mimerjend stie ik dêr yn 'e healskimer fan it tsjerkje, dêr't allinne by it heechalter in kearske flikkere. Ynienen waard ik op myn skouder tikke. Efter my stie in man, âld al en dûknekkich, mei om syn tonsuer in krânse fan sniewyt hier. It donker skapulier om boarst en skouders boppe de wite pij ferrette
| |
| |
fuort de Dominikaan, ien fan de Preekhearen grif út it kleaster hjirnjonken. Yn 'e eagen dêr't er my mei opnaam lei wat mylds, in glimp fan besonken wiisheid, dy't my - wolle of net - op slach en stuit foar him ynnaam.
‘Nim my net kwea dat ik jo steur,’ sei er sêft, ‘mar ik murk, jo wiene net yn gebed. Jo binne dochs de jonge boumaster by de Sint-Vitus wei?’
Syn stim wie myld as syn ferskining, net brutsen troch âlderdom. Suver wat beteutere sei ik myn namme. It wie foar it earst dat yn Ljouwert in kleasterling my oanspriek. Hy stiek my in hân ta.
‘Ik bin pater Cornelius, prior fan de Wite Susters.’ Om syn licht ynfallen mûle tearde it bewiis fan in glimke. ‘Wy hjitte hast gelyk, sa't jo hearre. Mar dêr net om, ik soe as dat past jo wat sizze wolle.’
Hy wonk my en ik folge him nei in hoeke fan it tsjerkje, dêr't by it bychtstoelsdoarke in wachtbank stie. Wat soe er wolle? My waarnimme oer fersom fan godstsjinstplichten? Of oer myn deiles wêzen mei Burmania? Woe er frede stichtsje, sa't wol foarkaam? Mar dan soe er him yn my as boeteling fersinne!
Ik kniep mysels yn 'e earm. Gjin hoarnen yn 'e wâl no, net wrokje yn it foar! Licht beskamme om myn foarbarichheid gong ik sitten, wylst de pater nêst my delstriek, amperoan weiwurdend yn syn rom habyt.
‘It sil jo ferwûnderje dat ik jo nyskes oanspriek, mar op wei nei de Wite Susters kaam ik foarby, seach jo de tsjerke yngean. Myn soan, wat ik jo te sizzen haw is in opdracht, in fersyk. Jo moatte in jonge frou kend hawwe dy't har Christyn neamde?’
Ik siet as oan myn plak fêstneile, it kroppe my yn 'e kiel, it wie oft de flier foar my begûn te draaien.
‘Christyn? Jo kenne... jo witte... Sis my, is se...’
Pater Cornelius hie de eagen net fan my ôf, lei de hân op myn triljende knibbels.
‘Nee, myn soan, haw gjin noed. Hja libbet. As har bychtfaar hat se my frege jo dat te sizzen.’
| |
| |
‘Pater, ik wol... Wêr hâldt se ta? Hjir yn Ljouwert? Wêr kin ik har fine?’
Ik hie oanstriid en balt myn wurden it tsjerkje yn.
‘Bliuw kalm, myn soan, en ik sil it jo sizze. Mar “har fine” is it rjochte wurd net.’
‘It Blokhûs?’
Syn bedaardens baarnde my yn, jage my op. De âlde mûnts skodholle, ien hân oan it sulveren krús op syn boarst. Hy wiisde, de kant fan it alter oer.
‘Der haw ik har oantroffen, wiken lyn al wer, yninoar sakke foar Us Leaf Frouwe. Ik holp har oerein, prate op har yn. Alhiel fan 'e wize wie se, de eagen read en betrienne. Op myn fersyk hawwe de Wite Susters har fersoarge, har opnommen. Yn 'e dagen dy't folgen hat se my har libben ferteld, stikje by bytsje kaam it derút. Hurd moat har jeugd west hawwe yn it âldershûs en doe kaam wat ik mar neame sil har omswalkjen om utens, dat einige mei it fersyld reitsjen hjir yn 'e Ljouwerter Beier, ferroaid en ûngedien. Mar gelokkich wie dêr de tsjinst as faam by jo foargonger, dêr't se tige fan spriek.’
As mei stommens slein hearde ik pater Cornelius oan, woe mear witte. Hy like my delbêdzje te wollen, lei de hân op myn earm.
‘Neat hat se my ferswijd, ek net har meidwaan oan ketterske konvintikels hjir yn 'e stêd, jo moatte derfan witte. Berou hie se, djip berou. Jo moast ik sizze dat se dwaald hie, ferbline troch nijljochters dy't it Hillich Doopsel ferwije, de Sakraminten ferhune. Te Swichum, sei se, wie se ta ynkear kommen, inerlik fermoanne troch ús Himelske Keninginne. Dat wiene har wurden en dat mocht ik jo oerbringe. Ien begearte hat se noch, de har opleine penitinsje mei in suver hert folbringe, om as de tiid dêr is opnommen te wurden as novyt by ús Dominikanessen. Dêr wol se har Hear en Syn Godlike Mem tenei tsjinje mei gebed en lofsang.’
It lûd fan de âlde pater foel stil. Hy moat myn feralterearring sjoen hawwe doe't ik foaroerbûgde, de hannen foar de eagen,
| |
| |
wrakseljend mei de stoarm dy't syn wurden yn my lossloegen.
‘Christyn,’ kreunde ik, ‘hoe kin dit. Christyn...’
Ik fielde syn hân op myn skouder; twong mysels ta sitten, each yn each mei him.
‘Dy namme, myn soan, sille jo ek ferjitte moatte, lyk as de draachster derfan. Harkje goed, dy namme wie in needsprong, in tydlike dekmantel om har ôfkomst fuort te wiskjen. Ek dat, hat se my sein, mochten jo witte. Har wiere namme is oars, is Kinsck Tjaerda, dochter fan Siids Tjaerda, singulier deputearre fan Rinsumageast.’
Ik sprong oerein, as slein fan it waar.
‘Kinsck Tjaerda? Mar pater, dat... dat kin net, dat is in leagen!’
Ik hie it noch net sein, of dêr flitste my foar de geast dy Leuvener studint Skelte, dy't syn suster socht. Kinsck Tjaerda, de namme hammere my yn 'e holle. Koe dit bestean? Wie dit... Hie se my...? Al dy tiid... As út in skiere fierte kamen pater Cornelius syn wurden.
‘De divel hat de leagen leaf, myn soan, mar hatet it heil fan in ferdoarme siel. Syn ynblazingen bringe jin op ferdjerlike wegen. Mar Kinsck Tjaerda, dy't har skielk suster Christina neame mei, is godlof weromkeard nei de skerte dy't har droech. Dêr is no har thús, dêr docht se boete, bidt ferjeffenis ôf. Oant salang dat Us Hear har ropt fan dizze ierde.’
‘Pater, ik wol har sprekke. Jo kinne...’
‘Myn soan, de regel fan ús oarder is strang, lit it net ta, jo sille dat sels ek witte. Ik bid jo, doch ôfstân, it is better, foar har, foar jo. En meitsje steat op ien ding. Har gebed, elke dei opnij, ta har Himelske Foarspraak sil ek josels jilde, sil as in wacht om jo hinne wêze, nim dat fan my oan. En sjoch, Cornelis Frederiks, no noch dit.’
Hy stiek in han djip yn syn pij en lange my in pakje oer, bewikkele mei in learen snoer. Ferbouwerearre beseach ik it.
‘Dit hat se my sein dat ik jo jaan moast. Jo koene it beskôgje as jo persoanlik eigendom.’
| |
| |
Wêzenleas stoarre ik nei it foarwerp yn myn hannen. It wie as in hân dy't in stjerrende jin foar it lêst tastekt, in kâlde hân dêr't de bloedklop út mist.
Bûtendoar begûn in fersperklokje te lieden. Pater Cornelius stie foar my, in wite hân út de mouwe fan syn pij en as yn drôge fielde ik hoe't syn wiisfinger myn foarholle bekrúske.
‘Myn soan, ferjit har. En doch gjin dingen dêr't gjin werom foar is.’
Doe slofke er fuort, sleepsoaljend troch it ferlitten tsjerkje.
Hoe lang ik dêr op dy bank siet, heal yn 'e sûs, lamslein, de bûnzjende holle tsjin it kille muorwurk, - ik hie der gjin besleur oer. Dit like in boaze begûcheling, in trochstutsen kaart, in komplot dat tsjin my gearspande! Einleas stegeren bylden op fan doe, oantinkens, riedselige útspraken, dy earste moeting yn 'e Skotstrjitte, myn fleur mei har op Omgongsdei, dy jûne foar Van Aakens dea. Tjaerda, de âlde, de jonge, wurden dy't se sein hie dêr en dêr - in wieling waard it, in mealstream dêr't sin noch slot yn stike. It besef dat hja libbe, feilich wie, bûten gefaar, it woe net opwage tsjin de leechte dy't yn my wie, it gemis fan ien dy't libbe èn dea wie beide. Ik wie yn 'e wille en flean hjirwei, bûts op 'e doar by dy Wite Nonnen, easkje har op en skuor har mei de frijheid yn, de wrâld yn. Mar soe se wolle? En hoefier soe ik mei har komme? Christyn - hoe hiem en nei wie my dy namme wurden. No die er my earder oan as in bespotting, in momkape dy't har wier gesicht ferburch, ferburgen hie. Momkape? Grutte gekheid, it hie ommers oermacht west, in beskûl tsjin in wrede faar, tsjin in wrâld dy't mei plakkaten de frijdom yn tinken en leauwen knoeide! Skielk soe se suster Christina hjitte, in lyts ferskil yn klank, dy nonnenamme, mar it wie my as leine der wrâlden tusken dizze en dy oare. Bitter waard ik as ik betocht dat se my dit lêste geheim, har komôf, net tabetroud hie. Mar hie ik rjochten hân? Bitend soer bleau oer, wrevel, mar net tsjin har, earder tsjin it bline lot dat dizze stege ealmansdochter fan myn paad reage hie...
| |
| |
Earne yn it tsjerkje pipe in doar. It wie tsjuster wurden, ek om my hinne. Ik fernaam hoe't de koster ynkaam en de kears by it alter dôve foar de nacht. As in ynslûper, in offerbloklichter glûpte ik nei bûten, it pakje mei it learen snoer ûnder myn mantel.
|
|