| |
| |
| |
XII
It hie derfan, as kroepen nei dy roerige nacht de belibbenissen te Ljouwert wer wei efter in skerm fan deistich barren. In stielen wet folgjend klipten de kleasterbingels deis oer de stêd en rôpen de mûntsen en nonnen nei fesper of koargebed. Under wapengekletter teagen lânsfeinten fan it Blokhûs nei de bûtefinnen foar eksersysjes mei de sjitroeren. Ienkear wyks dreauwen kowerossers har hannel nei de merk en leveren boeren har blanke fetsjes ôf by de bûterwaach. Om 'e boupleats strúnde gauris jongesguod dat longere op kapspuonnen en ferbeane fjurkes stookte tsjin de bolwurksskeanten, útracht troch Bûterhernsters yn freze foar brân.
Op ien fan de Camminghahuzen wie in grutte bruiloft, dêr't elk fan spriek: in jongedochter boaske mei gâns fertoan en staasje. Earmeljus bern en folk út de Beier stiene gobberjend foar de gevel, oant it breidspear koperjild struide, dêr't de skobberts as wylden nei grabbelen. Dan wiene dêr de marsedragers, moarns ier al de poarte út, om jûns bemoude en wurch fan stap werom te sloffen nei har ûnderkommens. Yn De Gouden Helm gong it bankpraat al wer oer de kommende Ljouwerter Leaffrouwe Omgong en waard foar it wennen al ris in kroes ekstra opnommen.
Wie dit in stêd dêr't ferset de kop opstiek, dêr't ferrie broeide?
Nimmen like der betinken op te hawwen. De rochmole by it Skavernek draaide ûnferfeard op 'e bolle simmerwyn en sekkedragers tôgen it streksume moal krankyl nei de mingers.
En dochs, foar my hie de stêd wat driigjends krige, as lei der in ûnsichtbere fijân foar de poarte, al dy dagen dat de sinne it ryk allinne hie oan in strakblauwe loft. Sape Selsma die my trou
| |
| |
ferslach oer wat er by de taapkast opheinde fan eigen boargers of reisber folk. Dy mochten mei de bûk fol bier noch wol ris de mûle spiele oer wat der ûnder grien en geld omgong. Mar it bleau by geroften, wazige ferhalen dêr't men alle kanten mei út koe.
Wol ferskynde oan 'e tsjerkedoarren in nij plakkaat fan gouverneur Toutenburg. Dêr waard yn drige mei swiere straffen foar lju mei lutherske skriften yn 'e hûs of oaren dy't folk herbergen fertocht fan oerdoperije. Foar de keizerlike kânselarij op it Blokhûsplein, waard der sein, hie fannijs in iepenbiere boekferbaarning pleats hân en de gardiaan fan it Franciskaner kleaster moast yn in tongerpreek de omstanders it oardiel oansein hawwe om de freze deryn te jeien.
Gongen dizze dingen myn doar forby, justjes oars wie dat mei dy man fan it Hoekster Paad. In earme sweal wie it, dy't gjin a foar in bie koe. Hy wie trapearre op it suteljen mei spotlietsjes op 'e clerus en hie in etmel op 'e Brol oan 'e kaak stean moatten.
Underweis nei it wurk rûn de man my oan, frege skruten om oanslach as stiendrager, lei my út hoe't wiif en bern honger hiene no't alle wurk en fertsjinst him ûntkeard waard. Ik naam him oan, skeat him in pear braspinnings foar. Mar by it útbeteljen murk magister Pier de man op, groude him ôf en ûntsei him de boupleats. Ik woe der tusken komme, yn 'e pleit gean foar de man syn húshâlding, mar mei de jildbûdel stiif foar syn spekbûk hie de grutte my oansjoen en sein:
‘En no elke skuonmakker mar by eigen least, hie ik tocht, net?’ En doe mei sarkasme der oerhinne: ‘Ferkeard folk hat men hjir genôch. En dat op plakken dêr't men se net siket.’
Ik hie my omdraaid, de doar fan de tekenloads efter my tichtklapt. Wêr woe de man op út? Wist er méár as wat er tsjin my útkomme liet? It wie dochs frjemd dat er tsjin my noch net ris útpakt wie oer Christyn har ferdwinen fan Burmaniahûs. Hy wist dat ik by master Jacob fan freonswegen gauris de komst hân hie, dat wol. Wat stike dêr ek yn foar oaren? Wol koe ik net fan my ôfsette dat it syn wurk west hie en ûntkear
| |
| |
my dat hûs yn 'e Skotstrjitte. Mar dan hie dat al in blyk fan erchtinken west foar my en Christyn oer. Hoe't ik it kearde of tearde, it bleau oppassen mei dizze fette foks, dy't it lot my taskikt hie as myn bouhearre. Ferkeard folk, wêr sloech it op?
Soms koe ik laitsje om mysels, oare tiden fielde ik my beneare, in rôt yn in stap. Lytse swierrichheden - in kromlutsen profyl, in kapstien dy't midstwa briek - laten my of en in lichte treast joech my soms de tekening nêst myn wurktafel, Van Aakens masterstik. Ienkear soe dit bouwurk in teken wêze, in fingerwizing dy't útriisde boppe benypt gedoch en minskegerab.
Gjin dei foarby, of myn tinzen swurven nei Christyn. Dan koe ik it foar my krije, hoe't se har warre soe op dy âlde boeresathe, dizze lange dagen fan haaiinge en fjildwurk, de âlde boerinne bysteand faaks mei tsjernjen en tsiizjen. Mei God dy bewarje, hie se sein, dy en my. Wat betsjutte ik foar har? In tafallige kunde? In helper yn need?
Der wiene jûnen dat ik de stêd útried, ûnrêst yn it hert. Ik moast mysels ferhâlde en nim de Sint-Jacobspoarte nei it suden, want dêr soe ik folge wurde kinne troch loerende eagen.
De Hoekster like my fertrouder, de wachter dêre hie my al ris fier nei boargerklok ynlitten, in skaplik man. Ik swalke meast wat om, liet it oan myn guds oer wêr't er hinne woe en sa kaam ik op in jûn de Leproazewei del, hâlde ho foar it kleasterke op Fiswert. Let sinnegoud lei oer de púnfal, bewoeksen mei moas en klimmer. Soe David Joris...? Mar nee, hoe soe sa'n faaie fûgel him hjir noch weagje? Dochs stiigde ik ôf, socht it plak op dêr't ik ferline simmer dy buoi ôfskûle hie. Ik klom op in brok muorre, eage skerp om my hinne. Alles wie stil; inkeld in murd of wezeling rissele fuort tusken de brânnettels. Wat bemaalde ik ek en strún hjir om? Om my wie de man trije grinzen oer flechte om dêr syn doperssied út te struien. Protteljend op mysels socht ik de stêd wer op.
It wie in oerdei om Sint Jan hinne dat it hommels stilfallen fan troffels en kaphammers my yndachtich makke, der moast wat
| |
| |
wêze. En der wie wat. Twa persoanen yn rutershabyt kamen de loads yn, tikken amikaal oan de beplomme hoed. Efkes bekroep it my, want op slach seach ik wa't it wiene: doctor Keimpe Martena en magister Van Naerden, de beide kommissarissen fan it Hof, myn selskip doetiids op myn reis hjirhinne.
Wy fûstken en ik makke romte op ien fan de banken. Martena seach my glimkjend op en del oan.
‘Ik sjoch,’ sei er, ‘jo hawwe it paad nei Ljouwert no foargoed fûn.’
De beide hearen laken en ik besocht itselde, ear't Martena ferfette: ‘En tróch Ljouwert ek, rekkenje ik. Wy hearden fan jo beneaming en wiene nijsgjirrich hoe't de bouwerij der no foarstiet.’
De lichte skrik dy't my earst yn 'e fuotten siet bekaam by safolle minlikens yn it oankommen. Mar earne bleau dochs in foech diveltsje op wacht, dat my sei: bliuw op dyn iepenst.
Hjir sieten ommers twa ynkwisiteurs fan Toutenburg foar my oer, fynbeslipe praters, mar mûlk mei befelskriften fan it Blokhûs yn har sadeltas.
Doctor Martena begûn oer Van Aaken.
‘In muoilik ferlies, master Cornelis, hi'n? Foar de stêd, mar ek foar jo, haw ik soarch.’
Ik koe it fan herten meistimme, joech doe op har fragen útlis oer de tsjinslaggen dêr't wy mei te kampen hân hiene en noch.
It wurd fersakking mijde ik, mar ik kaam wol efkes op 'e setting oan it basemint, dy't op it stuit stilstie no't wy mei de tredde omgong te set wiene. De hearen knikten fol begryp. Op Van Aakens reliëfskets tsjutte ik harren in pear details oan, mar swijde wyslik oer de beide poartefoarmige iepeningen noard en súd op 'e begiene grûn dy't wy tichtmitsele hiene om de wikende hoekbearen in bline ferankering te jaan. Wat sin hie it, en hing je dizze masters fan rjocht en wet alle bysûnderheden oan 'e noas? Ik ferswijde ek myn deistich meunster jen fan 'e sichtneil en myn frees foar nij ûngeriif oan de foet.
Opnij brocht Martena it petear op myn ferstoarne learmaster.
| |
| |
‘Jo hiene faaks ek wol kunde oan master Van Aakens húsfroufaam?’
Ik ferskûle my efter in izich knikje, mar fielde myn hert tsjin de ribben slaan.
‘Oh...eh...Christyn? Dy haw ik wol by de master moete, ja.’
‘Christyn,’ knikte Martena, ‘just, dat wie de namme. In fertroulike fraach, master Cornelis. Ha jo wol ris murken dat dy har ynliet mei sakramintariërs en sok folk?’
Hy spriek it lange wurd sawat fizich út, mei it gesicht fan immen dy't yn in koweplaster trapet. Hoe djip wie de kûle dêr't er my yn falle litte woe? Of seach ik in falstrik dy't der net wie?
‘Sakramintariërs,’ sei ik flakwei, ‘no nee. Ik wit wol dat hja ús by it skaken in skoander wyntsje skonk. Mar it sizzen is dat de faam no op it Burmaniahûs tsjinnet. Of mist my dat?’
‘Tsjinne hat,’ andere Martena. ‘Mar der waard ús oandroegen, hja wie fuortrûn by nacht en ûntiid.’
‘Fuortrûn, sizze jo?’ Ik seach syn eagen hifkjend op my, smiet in nije troef yn 't spul. ‘No, dat hoecht nimmen nij te dwaan, tinkt my.’
Myn beide besikers seagen inoar gnyskjend oan.
‘Jo bedoele, de jongste Burmania kennende,’ kaam Van Naerden dertusken.
‘It is sa't jo sizze,’ joech ik werom, flakker noch as earst.
Beide besochten har gesicht strak te hâlden, mar ik makke derút op, grutte spitsen wiene de hearen net mei de lange tsjerkmaster. It joech my de frijmoedichheid en smyt in tredde tjilling út.
‘Is der wat mei dy tsjinstfaam, mei dy Christyn?’
‘Jo meie it wol witte,’ wie Martena's antwurd, ‘der leit in fersiik ta opspoaring oer har by it Hof. Us tocht, jo koene ús wat fierder helpe faaks. Ek ûnder it wurkfolk gjin praat oer har heard?’
Ik skodholle, sabeare neitinkend.
| |
| |
‘Men heart soms fan alles, mar ditte, nee. Mochten de hearen derop stean, dan wol ik wol ris om my hinne harkje.’
De kommissarissen riisden oerein, dúdlikerwize ûntslein fan in plicht dy't harren net bot sinnige.
‘It soe ús oanstean,’ sei Martena, de plom fan syn hoed glêd strikend. ‘O ja, noch ien ding, master Cornelis. Is jo de namme David Joris ek bekend?’
Ferjamme, skeat it troch my hinne, hja witte mear. Oppasse no. As waard it my ynjûn ûntrôle ik in papier op myn tafel, seach it kwânskwiis efkes yn.
‘David Joris, David... Joris... Nee, dy komt net op myn deihierslist foar.’
De hearen skodbûken ynienen fan wille.
‘Dat soe de moaiste grap fan tiden wurde,’ brocht Martena út.
‘David Joris te Ljouwert op 'e bousteger! Nee, it is in keardel út Delft. It hjit dat er hjir ferbeane gearkomsten hâldt, sa'n foargonger is it, sa'n bline mol dy't de Sakraminten ûndergraaft. Om him sykje wy al in skoft.’
Ik besocht it op myn bar mei de gek te beslaan.
‘Dy sil dan mear op syn breaprikke ha as in fuortrûne tsjinstfaam.’
‘Dy slach is jowes,’ glimke Martena en stiek my de hân ta. ‘Mar in goed jager folget ek de sydspoaren fan it wyld, is 't net sa?’
By de doar draaide er him noch ienkear om.
‘Jo beskôgje ús ûnderhâld wol as fertroulik?’
‘It betrouwen is oan myn kant,’ hearde ik mysels noch sizzen.
Ik liet de hearen út. Der foel my in stien fan it hert.
Dit ûnferwachte besiik woe dy wyks net wer by my wei.
Hierskerp eide ik it petear by mysels oer, kânsen en wankânsen ôfwagend. Ien ding stie wol fêst, dit wie gjin fûke dêr't se my ta'n ynlokje woene. Fêst stie ek, dy David Joris wie de kettermasters ûntkommen, teminsten oant no ta. Mar my nytgen noch fragen by de rûs. Hoe wist Pier Poehei dat Christyn de loop hân hie by de konvintikels? En wat wie de man bekend fan
| |
| |
my? Der moast in rottige apel yn dy koer sitte, in oanbringer, slij nei judaslean. It brocht my Christyn har wurden te binnen, hoe't Sicke Snider ferret wie troch krottefolk dat de hannen stoppe wie. Wa wit, hie er no foar it fanke út wraak deselde izers yn 't fjoer. Fan wa oars soe dat ‘fersiik ta opspoaring’ wêze?
Hoe't ik it draaide, Christyn soe witte moatte wat der omgong. In twadde nachtlike rit nei Swichum? Ik fersmiet it meiiens. De wachter fan de Sint-Jacob moast der wer yn behelle wurde en wêr koe sa'n man net foar komme te stean as it útlekte. Under fjouwer eagen lei ik it oer mei myn hospes en hy wie it dy't rie skafte. Op it plat fan in bierfet tekene er my in oar paad nei Swichum, in omwei, mar it soe minder each jaan.
Sadwaande ried ik de earstkommende sneintemoarn de Hoekster Poarte út, folge in ein de Swarte Wei nei it easten, mar sloech al gau in lânreed yn súd-oan, dy't útkaam by it Fliet. It Wilaarder tichelwurk foarby liet ik my oersette en berikte by de tuorkes fan Huzum en Goutum lâns in dykje, my oantsjut as de Miedwei. It stille fjild joech my rêst. De boeresteeën leine as útstoarn, inkeld wie der in keffende hiemhûn of in greidfûgel yn noed oer syn jongen. Om fierrens, heal bemantele yn beammegrien, lei it tuorke fan Swichum dat ik koe út tûzen. Hoe dreau it my om Christyn nei dizze wiken fan ôfwachtsjen wer te sjen!
Ik ried no oer wat net mear wie as in kowepaad troch it lân en lei al by mysels oer hoe't ik sjen moast de guds aanst troch in opfeart te krijen, mar it lok wie mei my. It paadsje slingere fan haaibarte nei haaibarte, dat yn in omsjoch lei it tsjerkhofke foar my. De doar fan it herberchje dêrnjonken stie iepen; boerefolk lei dêr nei de misse in kaartsje en naam in sûpke op. Nimmen like erch yn my te hawwen.
Sadree't ik it hynder oan in hiempeal set hie kamen op Aytta boer en boerinne nei bûten, begroeten my as fan âlds gol en hertlik. Foar de tredde kear skikte ik by de klaptafel en frege sûn. Strakdaliks soe se troch de doar komme, soe har hân yn
| |
| |
mines lizze! De boerinne rette foar in koele dronk en frege ûnder it skinken wei:
‘En, hearskip, hoe giet it mei ús Christyn? Wy binne al nijsgjirrich.’
Unbegryplik seach ik har oan. Ferstie ik it wol goed?
‘Christyn? Mar dy is hjir dochs, hoopje ik?’
Man en frou skodhollen beide. De mûle foel my iepen, bloed strûsde my nei de holle. En doe kaam it ferhaal, dat my ferplettere, as ried der in laden wein oer my hinne. In wike ferlyn wie it fanke hommels ôfset, nei de stêd sa't se sein hie.
Rêst noch doer hie se op 'e pleats mear hân, it lot fan har Ljouwerter freonen baarnde har yn. Gefaar of net, hja moast derhinne, dat wiene har eigen wurden. Earst hie se mei oanpakt, redsum as se wie, mar letter like alle kriich út har weisakke; tiden stie se mimerjend by de hiemshikke. Nachts woe de sliep net, de boerinne hie har bidden heard, de iene fiif-tsien nei de oare. Ek wol sloep se oerdei nei it tsjerkje; hear-om hie har in kear oantroffen, yn triennen foar it byld fan Us Hear, mar bychte hie se net.
‘Ik koe net folle út har krije,’ ferfette it goeminske, ‘it fanke beklonk by dagen, it wie krekt oft der in lêst op har lei. Ik sei wol tsjin myn man, dy pakt mei wat om, mar wy ha net begrepen hoe en wat.’
Myn besiik op Aytta-State duorre net lang mear. De sinne wie noch net op it heechst, doe ried ik al op 'e stêd oan, de gewoane wei no, oerrompele fan de tsjinstridichste fragen. Hoe moast ik dit ferstean, dit dwaan tsjin alle ôfspraak yn? Wêrom hie se net fuort de Selsma's opsocht, fertroud folk ommers? Wêrom my net? Wat wie der mei har bard tusken Swichum en Ljouwert? O, it foel op of it foel del, ik soe, ik moast har fine! Mar wêr? De bloeiende bermen joegen gjin antwurd noch de sjongende ljurken boppe my, likemin as it stedssilhouet dat no foar my lei. De hoektuorren en de kartouwen fan it Blokhûs gniisden my kâld en spotsk temjitte. Soe se dêr miskien...?
Hiene se har sjoen ûnderweis, har yn'e boeiens slein, wankte
| |
| |
har in ferhear, in fisk yn'e fûke?
Ik biet op 'e tosken, besocht it byld út my wei te bannen, stâle myn hynder en sleat my it fierdere fan 'e dei yn myn keamer op. Wie Chris tyn wol yn 'e stêd? Hja koe ommers ek de wyk spile hawwe nei it boerelân, nei eigen folk. Mar bestie dat?
Hoe'n bytsje wist ik eins fan har; it hie derfan as wie har libben dêr yn 'e Skotstrjitte begûn. Hie ik by Van Aaken mar better op har omstannichheden ynfrege. Mar wist dy mear? In wees, hie er sein, in papedochter... En hommels hie ik it foar my, myn earste petear mei de master by myn oankomst hjir, doe't er it hân hie oer in proveniersfrou fan it Sint Antoan dy't it fanke bestege hie. In namme heugde my net, mar sa'n minske moast mear witte. Ik griep myn kammesoal en stiek de stêd yn.
It duorre in skoft, ear't ik yn it doalhôf fan keamers en bleekjes dat it Gasthûs útmakke einlings de hûsfader fûn. In nommel man wie it mei in patriarchaal burd, dy't my ynnoege en wa't ik myn boadskip hoeden foarlei.
‘In proveniersfrou sizze jo, dy't boumaster Van Aaken silger...’
Hy pluze oan syn burd, tocht nei, de foarholle yn tearen.
‘Dat moat dan Tsjalcke-moar west hawwe,’ mimere de fader, ‘ja, sa't my foarstiet hat dy ris in jongfaam út de Beier yn 'e Skotstrjitte besteld.’
Ungeduldich siet ik te weven op myn stoel.
‘Wêr kin ik har fine?’
‘Alde Tsjalcke is net mear yn it lân fan de libbenen,’ pûlemûlke de man bedaard. ‘Fan 't maitiid hat hja de holle foargoed dellein. Yn har fiif-en-santichst wie se, in kras minske, warber en...’
Syn fierder ferhaal glied by my lâns. Wylst ik de stêd trochrûn, werom nei myn keamer, fielde ik my leech, op 'e doele, in jager op dearinnend spoar.
Der folgen dagen dat it wurk op Aldehou my ek in dearinnend
| |
| |
paad talike. Magister Pier seach men minder; hy liet langer de deihieren wer troch syn prokurator útbetelje. Hawar, ik koe him slite.
Myn mitselers en stiensetters arbeiden no oan de tredde omgong, dêr't foar de takomstige klokken bomgatten útsparre wurde moasten, in wurk dat sekuerens en oerlis frege. Aloan hegerwei hearde men klikkebikjen fan ark op stien. Der moasten oandragers by om it folk boppe foar te hâlden en dy koene mar oanpoatsje. De rop om stien of kalk klonk stadichoan as út 'e fierte.
Somtiids beklom ik it bolwurk of stie by de âlde Sint-Vitus om op distânsje de wurking fan ljocht en slachskaad te observearjen. Hoe skoan wie fan wat op tekening stie hjir al in blink te sjen: de twakleurige speklagen, de útkappe nissen, no noch leech, de konsoals yn 'e steunbearen mei dêrboppe de finer útspûne sânstiennen pinakels. Hjir soe de spitsbôge in lette bloei belibje, in nije bloei miskien, as... Ja just, as... Want wannear't ik de kapitelen oan de westkant meunstere, dêr't de ferwulftriedden ûntsprongen, skynber doelleas de loft ynstykjend om letter tsjerkeskip en sydboeken te dragen, dan koe ûnmacht my bekrûpe. Soe it my jûn wêze en bring dit wurk oer jierren ta in foldragen ein? It wie no seis, sân kear dat ik de profilen bystelle moatten hie oant alles wer te lead stie. Mar wat die de tanimmende druk oan 'e foet, djip yn 'e klaai fan dizze âlde terp?
Bywilen foel de freze wei, wûn myn selsbetrouwen it en seach ik boppe de sier fan de trasearrings de apostelbylden al glimkjen tsjin it deiljocht. Oare tiden koe it bikjen fan de kappers by myn loads my oankomme as lûd fan deatikkerkes yn môgelhout, foarspoek fan dea en fergean, sa't se my as jonk je foarhâlden hiene. De mannen arbeiden al drok oan de Bentheimer profylblokken foar it achtkant fan de boppebou, de lantearne, dy't mei opstribjende bôgen stipe jaan moast skielk oan de ranke, iepenwurke spits. Dan pas soe de toer de hichte hawwe, trijehûndert foet en mear, fan grûnflier ta blinkend krús.
| |
| |
Foar de master syn ûntwerp steande, hie ik my fan begjin ôf oan dy kroan op dit part fan it wurk yntocht. Mei Christyn op side soe ik ienris de toer beklimme, op 'e heechste omgong stean, har op fiere fierten wize. Mar hjir wie it, dat myn dreamerijen as sjippebuollen tespatten op 'e wyn. Dan stoep ik mistreastich om de ûnderbou hinne, seach de groeden fan misrekken en ferfal, euvels dy't net mear wei te siferjen wiene.
Sa waard ik slingere tusken moed en wanmoed. Ik koe der net foar, ik focht der tsjin, mar nei myn lêste Swichumer reis sloech de lêste hieltyd mear foar master op. Wêr wie ik langer mei dwaande? In fata morgana yn stien?
|
|