| |
| |
| |
XI
De dei dat Van Aakens omskot út it sterfhûs droegen waard is my bybleaun as wat tsjinstridichs: guon dingen omsluiere mei drôvens en earbied, mar tefFens besefte ik skerp de grins dy't ik oer moast nei in nij libbensstadium, eins mar heal foarsjoen. Miskien ek waard dy grins letter oanskerpe troch wat ik noch belibje soe.
In behindich selskipke wie it mar, dat dy middeis gearrûgele yn it Leaffrouwetsjerkje fan Nijehou, dêr't de deade nêst syn frou kaam te lizzen. It wurk op Aldehou hie ik stillein. Seis fan ús mannen, leden fan it timmergild, hie ik op slach ree fûn om harren as drager ûnder it deafet te skikken en bewiis sa de patroan de lêste eare. De oaren hiene har, wylst de koarte lykstaasje lânskaam, yn 'e Tsjerkstrjitte fan siden opsteld, mûtse yn 'e hân, de knûsten devoot foar it liif. It die my goed dat ek it Sint-Vitusklokje in beskieden dealet ynsette, as gou it in rjochtlik boarger en gjin ynkommeling. De rektor fan de Latynske Skoalle wie yn 'e Skotstrjitte opdaagjen kommen en ek de beide Burmania's, doctor Upcke yn dekenhabyt, magister Pier yn wrâldske roudracht, hiene blyk jûn fan har amtlike oanwêzichheid. Mei noch oare leden fan it boukapittel en mei Christyn en my folgen hja de bier. In ôffurdiging fan it stedsregear, dy't ik earst miste, hie ús by it Marijetsjerkje opwachte en joech him mei ús foar it alter, dêr't hear Fedde mei de parochypryster fan Nijehou de deademisse waarnaam en de gebeden dy't derta stiene ôfraffele. Hoe'n dûbeld tryst fertoan wie it net, sa'n beïerdiging sûnder hokfoar neibesteanden yn it bloed! Vita brevis..., hoe koart eins hie ek dit hert polske.
| |
| |
Wylst de kiste stadich dellitten waard setten de jongessopranen it Dies Irae yn, dat mingsel fan godsfreze en franciskaanske deemoed:
Qui salvandes salvas gratis
Salva me, fons pietatis...
Wolle of net, de trijeslach fan dit âlde mûntseliet, my as bern al bekend, rôp langbedobbe gefoelens wekker, oantinkens oan ús heit en mem, mar ek oan de master sèls yn dy kâlde klaaikûle fóár my. Wat hie ik net oan him te tankjen! En mei de eagen op syn lêste hûs dat dêr ferdwûn lei ik mysels de plicht op om nei bêste kinnen syn ôfbrutsen wurk fuort te setten.
Foar my oer stie Christyn. De wolken út hear Fedde's wijreekfet fersweven boppe har holle nei it ferwulft. Efter har simpele rouwale seach ik it glinsterjen fan triennen. In tûfke túnblommen trille yn har hân doe't hja it losmakke en se ien foar ien yn it grêf struide, sober gebeart dat my weak makke en my - efkes mar - werombrocht nei de bloeiselsnie yn dat nachtlik hôf. Gjin wurd hiene wy dêr wer oer wiksele sûnt. Soe wroeging har pleagje om dy ûnachtsumens fan my en har, ûnderwyl't de master - harres en mines - it ôflei? Omdôch die ik war en skodzje de fraach fan my ôf. Ek ûnder it koarte leedmiel dat folge sloech hja de eagen net ienkear nei my op.
Dy earste tiid nei de útfeart wie ik mear as besteld mei it beöarderjen fan saken dat de master syn ferskieden meibrocht. Der moast ûnderhannele wurde mei in Nijbuorster stienhouwer oer in passende sark dy't de neistlizzers net skeinde. Yn 'e bouloads hong Van Aakens mastersmantel mei it stedswapen. Ik hie in tel oanstriid en slaan it ‘earlik kleed’ om myn skouders, mar die it net, boarstele it stof der soarchfâldich ôf en liet it op it Riedhûs besoargje. Hieltyd wer gongen myn prakkesaasjes út nei it hûs yn 'e Skotstrjitte. As ik dat no ris hiere koe... En as Christyn... Fierder wie ik noch net. Mar yn 'e geast hie ik myn oansiik al klear. Ik moast tiid winne, dat wie alles, tocht my.
| |
| |
Magister Pier wie de oare deis fuort al oer de boupleats stevene, hie my, bylkerich myn beskermer spyljend, apart nommen. By alle hilligen hie er my bewisse, hy soe it der by it kapittel trochskuorre, dat ik de folle lieding krige fan it wurk. Ik wist net hoe't ik it hie mei him. Mei skouderklopkes en wurden dy't op strykaazjes liken sette er alle seilen by en it wie doe foar it earst, foel my op, dat er it klienearjende ‘Secundus’ tsjin my farre liet, al kaam it ‘master Cornelis’ him noch wat stroef oer de fette lippen. Hie er soarch dat ik fuortrinne soe?
It duorre net lang of ik waard op it Sierxsma-hûs yn 'e Heechstrjitte ûntbean, dêr't froedskip en boukapittel gear wiene. Ut de oanspraak fan de boargemaster die bliken, myn learmaster hie foar syn dea noch fan alles fêstlein. De oanwêzige notarius publicus fan de stêd hie it testamint al amtlik iepene. Alle tilbere ynboel fan it wenhûs wie ûnder sintinsje fan ferkeap tamakke oan de parochy fan Nijehou op betingst fan ivich grêfûnderhâld; ek de kosten fan de kommende jierstûnsmissen foar him en syn frou moasten út dit erfpart betelle. De húsfroufaam Christyn - de ferstoarne hie har beskreaun as ‘myn help yn swiere dagen’ - foel in kistke mei florinen ta en alle húslik sulverwurk. Hjirby wiene net ynbegrepen de sulveren skaakstikken dy't de erflitter mei bybehearrend boerd my tatocht hie, mei dêroerhinne alle boumastersridskip, foarsafier syn persoanlik eigendom.
Mei tanimmende bewûndering hearde ik it oan, stie wer ris fersteld oer de tûkens fan oardiel dêr't master Jacob, oarderlik oant yn 'e dea, mei te wurk gien wie.
‘En no, achte Cornelis Frederiks fan Montfoort,’ hearde ik de boargemeester plechtich sizzen, ‘no noegje ik jo út om te harkjen nei it lêste brief dat Van Aaken silger ús kolleezje takomme liet. De stedsskriuwer wurdt fersocht ta foarlêzing.’ In oanbefelling wie it, like saaklik as waarm beskreaun. Yngefal hy, mr. Jacob van Aaken foarneamd, troch sykte of ferstjerren syn wurk dellizze moast, soe it him grut wêze bywannear't it kapittel syn kundige learling oer jierren, no ûnderboumas- | |
| |
ter, beneame soe as syn opfolger.
Mei in twinkel fan foldwaning yn 'e eagen seach boargemaster Sierxsma my oan.
‘It kapittel, yn oerlis mei de froedskip kennisse nimmend fan dit stik, hat ienriedich besletten om oan dizze lêste wil te foldwaan. Wat seit ús jonge boumaster?’
Ik begûn mei wurden fan tank, liet sa min mooglik skine dat dizze died fan de master my net salyk oer it mad kaam. Hoe faak hie er yn 't lêst dy winsk net tsjin my trochskimerje litten! Koartom, ik naam de oanstelling oan.
In neipetear oer omballingen folge. In nij kontrakt moast opmakke, der soe boelguodde wurde moatte oer de ynventaris. Op in stuit skode ik hoeden nei foaren dat ik gading makke as hierder fan it hûs yn 'e Skotstrjitte. Hoegden se hjir te witten watfoar plannen ik mei omrûn? Sa net, as se my derop fergen... Yn 'e grûn hie ik Christyn har tawurd ommers al heal en heal. En dochs, oppasse no foar dit selskip, jin net bleatjaan as it net hoegde, linich dit fet bekûpje!
Mar alle fyn-ynleinens bliek hommels in slach yn 'e loft. Magister Pier, breed-út nêst de boargemaster, naam it wurd en dielde mei, der wie nóch in beslút fallen fan kapittelwegen. Myn soldij soe omheech, soe heger as it lean fan myn foargonger, mar de frije wenning moast der dan by ynsjitte. Ik fielde my kâld wurden, fielde hoe't de keakelbrêge dy't ik boud hie op ynstoarten stie. Efter de tafel waard al knikt en boargemaster Sierxsma die útlis, it hûs dat frijkaam hiene guon in oar doel mei, in eigen boarger, hie er heard, makke gading en hie de foarkâns. Sa net, it baarnde net op 'e neil, de húsfroufaam krige alle tiid om óárs om te sjen.
Wel sanctamaria! waard ik no strûpt en tamakke dêr't ik by siet? Hie de grutte dêr foar my oer wer ris de hân yn wat wol in komplot like? Nee, in komplot wie al te healwiis. Soe ik begjinne oer trouplannen, oer Christyn? Likemin, leaver kappe ik my hjir in finger of! Ik biet op 'e tosken, bûn my yn, slokte myn ôffaller fuort, joech him sels gelyk doe't Burmania
| |
| |
gnyske: ‘Mar, master Cornelis, jo hawwe as frijfeint dêr oan 'e Nijstêd dochs in skoander plak, oars net?’
‘Dat hoecht net better,’ wie myn antwurd, neutraal en flak as in terskflier. Mei in nij beskriuwingsbrief waard dy middeis myn beneaming besegele.
Dy maitiidswiken ferrûnen foar my yn in wûndere twastriid. Unwis fielde ik my, in driuwpôle tusken wetter en wyn. In rûzje op krijen ôf tusken twa preamfarders moast ik bylizze, mar ik makke my der mei in grau en in snau ôf. Wie ik eins wol wiis mei wat my no fan stedswegen tabetroud wie? Doe't it kosterke fan de Sint-Vitus my lokwinske mei myn nije betsjinning hie ik oanstriid en kear it praatske keardeltsje de rêch ta. It ûntwerp foar master Jacob syn grêfsark woe net eine en bleau heal ôfmakke op myn tekentafel lizzen. Jûns op myn keamer wie ik oan trijekear ta begûn mei in brief oan Wigle fan Aytta, mar hie de kladde ek wer ferskuord. Hoe koe ik myn freon fan ien dei sizze wat my djipst beweegde, sûnder yn syn eagen bespotlik te wurden? Sa'nen wie der mar ien, Christyn, it riedsel Christyn. Soms tocht ik, it wie it ketterbibeltsje yn har kokenslaad dat him tusken har en my ynskode, dat my tebek hold en sis har ûnbewimpele wêr't ik stie. Oare tiden joech ik mysels te hâlden, it wie bangens foar in wegering.
Mei koarten krige it mastershûs de boelguodstafel foar de doar, soe Christyn de kaaien oerlangje moatte oan frjemd, mar net oan my, wrokke ik: fyntsjes bekûpe gefolch fan wat foar in kapittelbeslút gean moast. Wie dat wol sa? Yn healsliep koe my it hiele barren troch de geast spoekje, drôchbylden dy't my twivelich lieten, net tichtsje woene ta in berette stap. Hoe koart hie ús omearming duorre yn dy bloeiende eftertún? Wie it foar har dêrmei ôfmakke? Yn my raasde it om mear, om skâns nei skâns te nimmen, oant dat bolwurk fan fammige kekenens belies jaan soe.
Soms ek narre my in oar spoek, dat fan ôfdriging, fan skaakmat setten. Dan spile ik in kânsspul mei it famke har geheim, har
| |
| |
omgong mei konvintikelfolk as ynset, swiere troeven dy't ik yn 'e hân hie om har te twingen ta in tawurd. Mar grizend fan mysels smiet ik it wer fan my; ynblazings wiene it, net oars, fan trawanten út de hel. Ik betrou dy, hie se ommers sein, dy lêste jûne noch. Betrouwen, jawis, mar dat wie net genôch... Dat duorre oant ik mysels oerwûn en op in jûn de klopper falle liet op de my sa bekende doar. Ik wachte mei bûnzjend hert, mar it hûs bleau stil en tsjuster. Fansels, ien as Christyn hie har beuzichheden, soe yn 'e stêd it ien of oar te regeljen hawwe. Mei swiere stap kroaske my in man foarby, in komelker út de Bûterherne, dy't my mei in skean each opnaam. Gnyske er? It makke my wrevelich en ûnwis, mar in twadde roffel op 'e doar die gjin fertuten. De jûns dêrop die ik in nije reis, letter no, mei de skimer om de sliepende gevelhuzen. Yn it healtsjuster fan har stoepluif wist ik my ûnbestrund, mar ek no folge gjin stap troch it foarhûs, gjin skoattel dy't losstrutsen waard. Ferdijd, liet se my as in bidler stean? Ik koe dochs in ridlik boadskip hawwe, in stik misse fan it skaakboerd dat my thúsbesoarge wie? Opnij sjoude ik werom nei de Nijstêd, it moed fol bitterens en ûnfrede.
Dy nachts kaam ik amper út 'e klean, siet mimerjend by in bleaker, de holle yn beide hannen. Hoe moast ik har dwaan ferklearje? Wit hoe betiid stie ik wer yn myn loads en besocht myn tizich sin yn 'e blâns te bringen troch my op it wurk te smiten. It slagge net. Dy stomme tichte doar, dat weikrûpen of wat it wie, it lei my by as in pynlik nee op wat ik ferlange. Moast ik my sa ôfsâltsje litte? Ienkear soe se my te wurd stean, byneed naam ik it slûppaad tusken de hôven, mar och, dêr soe ik ek wol in tadoar fine.
It wie dy moarntiid dat it kosterke my opsocht foar syn deistich buorpraatsje. Hy hie grif wer in flanterich boadskipke, dribbele wat om my hinne, seach my doe mei syn slûchslimme eachjes oan.
‘En wat ik sizze woe, hearskip, wisten jo dat Van Aakens húsfroufaam no op it Hûs tsjinnet?’
| |
| |
Ik skrille op, as stutsen fan in brims.
‘Hûs, wat hûs?’
‘Op Burmaniahûs, jawis. Hear Fedde hat dêr west en fertelde it my.’
Djip bûgde ik my oer de tekentafel, ferskode wat ark, mar hy moat sjoen hawwe hoe't ik beloek, hoe't de knibbels my trillen. Aldergeloks kaam de leadmaster yn om in fingerwizing en koe it praat yn oarewei gean. Ienkear wer allinne wie it as dûnse alles my foar de eagen. Ik rûn de loads op en del as yn in tichte dize, die wanhopigen war om wat my bestoarme del te bêdzjen. Christyn op it Burmaniahûs, hoe koe dat bestean? Hierskerp kaam in byld by my op: dy gearsit mei it kapittel op Sierxsmahûs. Ferdomd, hiene dit de boer syn guozzen west? Hie Pier Poehei der efter sitten en my sa Van Aaken syn went ûntfytmanne? Judas Iscarioth, sa hie de master de man ienris neamd. No, dan wie dit wol in judasstreek, om it fanke yn te palmjen! Mar ho ris, wat koe de lange witte fan myn foarnimmens, fan Christyn, fan mysels? Neat ommers. Mar as hja no ris út harsels...? Tsjustere fermoedens, oantigings teisteren yn my op yn wylde wieling. Soe dan Christyn...? Op slach skamme ik my, sloech de hân foar de holle. Hjir moasten oare dingen ûnder spylje, mar hokker?
En wer seach ik my stean yn har koken, dy earste kears, it ketterboekje yn 'e hân. Ik hearde wer har oanklacht tsjin dy oanbringer fan Sicke Snider, oan waans hannen neffens har bloed klibbe. Mei dy hannen hie er, sei se, de sulverlingen fan it ferrie opstrutsen. Hoe yn 'e godsnamme hie se dan tajaan kinnen oan dizze driuwraam, wa't de frouskens út 'e eagen sipere? Wêrom dizze stap sûnder boe noch ba, sûnder in stille wink, in ferklearjend briefke byneed. De fragen heappen har op. Christyn, wa bisto winliken? In skynmadonna? In wolvinne yn skieppeklean?
Der folgen dagen dat myn taak op Aldehou my as in sisiphuslêst op 'e skouders woech. Net sagau hie it poarteklokje hjeljûn let of ik sjoude wurktúchlik nei myn keamer en siet dêr't ik
| |
| |
siet. Jachtweide en bierbank mijde ik, liet my it iten boppe bringe, mar roerde frou Baef har kôksels amper oan. Kaam ik de stins foarby, dan like de ringmuorre my út te gnizen en spegele de grêft my fijannich temjitte.
De mûle fan de frjemde frou is in djippe grêft... Sa moast it earne yn 'e Vulgaat stean. De frjemde frou... Mar wie Christyn my dan sa frjemd bleaun, dit foege jier dat ik har koe? O, ik koe my fergrieme as ik betocht hoe't ik der tsjinoan drige hie om nei har ta, om har de earlikste foarslach te dwaan dy't in feint in jongfaam dwaan kin: in bân lizze foar it libben! In leffert hie ik west, in skiep dat skytskoarre foar in iepen daam. Miskien hie hja op my tidige, omdôch wachte, mar dan noch, wêrom dizze ûnbegryplike stap? Miskien, hieltyd wer dat miskien, dat sûnder ferwin oan my friet.
Inkeld griep ik yn wanhope nei it geskink fan myn fiere freon dêr yn Munsterlân, socht sûlaas yn wat it flymjend wurd fan Erasmus my hie te sizzen. As dy syn angels fan de spot opsette tsjin de dragers fan pij en kasufel, dan koe ik it net litte en spits dat ta op 'e tsjerkmaster dêr't ik mei te krijen hie, bouwer oan falske gevels, optrutsen mei twang, mei bloedjild lichtwol.
It wie op in lette oere, tiden nei boargerklok, dat ik de treppen kreakjen hearde dy't by myn keamer útkaam. Yn 'e doar stie Sape Selsma, wyt weilutsen ûnder syn nachtmûtse en mei eagen dêr't skrik yn lei.
‘Hearskip, der sit immen foar jo yn 'e taap,’ sei er mei in lûd dat ik net fan him wend wie. ‘Oft jo daliks komme. It driuwt.’ Sliepwannele myn hospes? Wie der ûnrie op Aldehou? Dieverij? In stienstoarting?
‘Foar my?’ frege ik benijd.
Hy knikte, wonk my en ik folge him nei ûnderen. Yn 'e holle jachtweide siet by in bleaker frou Baef, de foarholle yn tearen. Foar har oer, de rêch nei my ta, siet in persoan, weiskûle yn in skouderdoek, in frommeske. Wat hie dit yn? De fraach bestoar my op 'e lippen doe't de ûnbekende har omdraaide en my
| |
| |
oanseach. It wie as gong ik troch de grûn, it wíé har, Christyn!
‘Do..., do hjir?’ wie alles wat ik útbrocht.
Strak en ynbleek wie har antlit, de mûlshoeken trillen. Sûnder neitinken griep ik har hân, dy't kâld as iis fielde.
‘Ik sil jimme alles útlizze, Cornelis. Wy binne yn gefaar. David Joris wurdt socht, is ferret yn 'e stêd. Der moat in brief oer him op it Blokhûs lizze.’
‘David Joris?’ sei ik, as wie de namme my frjemd. ‘David Joris?’
‘Ja, hy moat de poarte al út wêze, swalket hjir of dêr om. Mar as er grepen wurdt en opbrocht, as er martele wurdt troch dat folk dêr...’
Har stimme stûke, hja huvere, eangstich seach se ús tri jen bar om bar oan, in skouwe fûgel yn noed om it bedrige nêst. Frou Baef, ien en al soarch en alteraasje, soe yn triennen útbarste, mar har man fermoanne har.
‘Ik haw om dy socht, Christyn,’ sei ik sa kalm my mooglik wie, ‘ik wist earst net wêr ast wiest.’
‘En noait wer hinnegean, noait!’ Hja slokte har oandwaning wei. ‘Wat moatte jim wol fan my tocht hawwe. Mar ik koe net oars, dêr by dy...’
‘Fertel it mar,’ sei ik, ‘fertel ús alles mar.’
Ferbouwerearre sieten wy om it nachtlampke en harken nei Christyn har belibbenissen fan de lêste wiken. No en dan waard it har oermânsk en heakke se, mar frou Baef lei har de hân bemoedigjend op it skouder.
Fuort nei de beierdiging al hie magister Pier it fanke opsocht. Nei wat praat om 'e kant hie er har foarslein om by him en syn omke yn tsjinst te kommen. In eardere faam wie om gnobberijen fan 'e stins stjoerd en it wiif fan de túnfeint koe de húshâlding net oan. Mar doe't Christyn wegere en mar beard hie dat se oare plannen hie, wie de grutte út in oar fet begûn te taapjen. Spytgnyskjend hie er frege, oft de namme David Joris har ek wat sei. En doe: ‘Witst wol, fanke, datst ûnder fertinking stietst fan meidwaan oan ketterske byienkomsten?’
| |
| |
Christyn hie alles kâldwei ûntstriden, de skrik yn 'e skonken. Doe hie de man syn lêste troef útspile en sein, foar har wie der ien wei om út hannen fan it Hof te bliuwen: har bestelle by de deken, dy't noch fan neat wist. Op it Hûs soe se feilich wêze; hy, Pier, soe it stilhâlde en geroften dy't omgongen yn 'e dôfpot stopje... Ien nacht hie se betinktiid krige, nacht sûnder sliep, fan om top jen mei foar en tsjin, - doe wie se risselwearre. Hjir lei de kâns om it lek te finen, it lek fan it ferrie dat de Dopersken bedrige! Mei de dea yn it hert wie se de stinsbrêge oer stapt en har wurk op it Hûs begûn. Yn har fammekeamer ûnder de hoannebalken hie se har striid fierder striden. Wat moast men jaan foar Burmania's drigeminten? Wat wist er en wat wist er net? Fragen dy't oanboazen doe't se in petear ôfharke tusken hear Fedde en de deken. Der wiene nammen fallen fan folk dat se koe, de sniderswiddo, guon út it Ruterskertier en by it Hoekster Paad wei, dêr't op rûn waard troch betelle oanbringers. Hoe koe se de minsken tynge takrije? Magister Pier, dy hûspleach, like op har ta te sjen, draaide mei sleau praat om har hinne as er mei in slach yn 'e tonge út de wynkelder kaam. Dat duorre oant er justernacht, flaaikjend earst, driigjend letter, foar har keamersdoar stien hie en tagong easke. Mar de sluting dy't de túnfeint op har fersiik oanbrocht hie bejoech it net. Mûsstil hie Christyn har hâlden, triljend ûnder de tekkens, en grommeljend wie de man ôfset. Doe wie har beslút fallen. Hja wist wêr't de kaai fan it túnpoartsje hong en as in dief yn 'e nacht wie se niis ta de stins útslûpt, har rie tenein...
Christyn swijde, helpleas seach se om har hinne. Har wurden foelen my as balstiennen op it hert, ferbjustering en woede stegeren yn my op en alle kwea betinken dat ik op har hân hie sakke wei as yn in tsjuster gat.
‘Myn earste wie om hjirhinne,’ sei se noch, ‘want wat moast ik? Der is ferrie, mar wêre? Men wit net wat se op it Blokhûs witte. Mar no wol ik fierderop en warskôgje de oaren.’
‘En do sels dan?’
| |
| |
Sape Selsma naam my de wurden út 'e mûle, hy, de kalmste fan ús fjouweren.
‘Wy rêde wol mei dy oaren,’ sei er. ‘Mar do sels, fanke, om dy siket er alderearst as er dy mist moarnier.’
‘Ik wit it.’ Wanhopich pluze se oan har skouderdoek, foel doe ferheftich út: ‘Mar ik gean net werom. Dan leaver dea.’
Frou Baef, de wangen betrienne, stiek de earms yn 'e loft.
‘God mei ús bystean. Och, dat earme skiepl’
Har man seach har bestraffend oan.
‘Do moatst fuort, fanke, de stêd út, fannacht noch. De wachter fan de Sint Jacob is ien fan uzen, is fertroud. Ik krij dy der wol út.’
Ferwezen seach Christyn him oan, skodholle as yn ûnbegryp. Ynienen sprong ik oerein. In plan, in mooglikheid fleach my troch de holle.
‘Selsma hat gelyk,’ sei ik, ‘mar lit my mei dy gean, Christyn. Ik wit plak foar dy. Te Swichum ken ik in boer.’ En doe tsjin myn hospes: ‘Hjir moat hurd-hurd rie skaft wurde. Klopje jo de poarteman, dan sealje ik wyls myn hynder.’
Mei eagen fol eangst warde Christyn it noch ôf, oerrompele troch dit beslút.
‘Do joust dy yn gefaar, Cornelis. Kin dit wol? Ik wol net datst...’
‘Sa sil it,’ biet ik de punt derôf, ‘it giet no om dy.’
Dy wûndere foarsimmernacht, hoe lang soe er my heuge. Myn guds snúfde begearich de nachtloft op doe't ik him de stâl útliet en it seal fêstgaspe. Sape Selsma, rap werom fan in reis nei de poartesluter, bewuolle Christyn yn in hynstetekken. Hja fersette har net, liet de dingen oer har komme, sa't it like. Frou Baef woe ús hûndert segenwinsken meijaan, mar har man tilde it fanke efter my op 'e hynsterêch en wy rieden. Stapfoets stjoerde ik by it Ruterskertier lâns, njonken ús it bolwurk, weidûkt yn 'e nachtskimer. Mûs noch minske wie te bekennen, likemin doe't wy hjoeden it poartegat yn rieden. De hyn- | |
| |
stestap wjerkeatste efkes hol tsjin it ferwulft, mar oan in stile hong in baarnend lantearntsje en de iene poartedoar stie heal iependraaid. It houten dek fan de brêge fûn ik mei san bestruid en ik tanke myn hospes yn stilte. Hy, altyd op syn iepenst as de slangen, soe it de wachter, dy't ûnsichtber bleau, sa besteld hawwe.
Ik sykhelle ferromme. Oan 'e easterloft gluorre al in ier strypke moarnsljocht, dêr't de mole op Winiaherne skimerich tsjin ôftekene. Ik folge it weinspoar nei it suden en ynienen moast ik tinke oan myn sneinsreis mei Wigle fan Aytta, dizze selde âlde dyk del. Wat koe der yn in jier al net feroarje! Soe de boer fan Aytta-State my te wille wêze? Ik rekkene der wol op, koe him ommers de groetenis oerbringe fan syn heechlearde lânhearre, in troef dy't ik fan begjin ôf oan skerp yn 'e holle hie.
Al dy tiid hie Christyn gjin sprek sein, stiif tsjin my oankrûpt siet se efter my, mar no fielde ik dat har hannen op myn skouders ûntspanden en se har holle wat frijmakke. Sêft wie har stim oan myn ear.
‘Binne der ek minsken?’
‘Wy ha de wrâld noch tegearre, do en ik,’ sei ik luftichoermoedich. ‘Wa soe dy hjir sykje?’
‘Cornelis, ik bin bang, earlik wier. As David Joris fûn wurdt binne wy allegear ferlern, do ek.’
Ik bearde as telde ik har wurden amper.
‘Foar it deiljocht bist te plak,’ bêde ik har del, ‘en Swichum leit efterôf. Dêr bist feilich en dy boereminsken hoege net better, leau my.’
‘Mar dy oaren,’ klage se mei triljend lûd, ‘dy oaren. O God, wêr moat it hinne!’
Har stim hie alle berettens ferlern; hja like te fjochtsjen mei har triennen. Wie dit de Christyn fan it ferbeane bibeltsje, fan de David Jorisjûn op dy stâlssouder?
‘Selsma wit wat er docht,’ sei ik rêstich, ‘nim dat fan my oan. Gjin ketterjager dy't him fertinke sil. Burmania? Dy sil him wol twaris betinke ear't er mear boargers foar it rjocht sleept.’
| |
| |
Ik murk hoe't by dy namme de greep fan har hannen ferkrampe.
‘Hy is in meunster,’ foel se út, ‘in slânsfet. O, ik haw net alles sein niis, mar heale nachten haw ik wekker lein, it breamês nêst my, in swiere tafel tsjin myn doar. Ik doarst oerdei de provyzjekelder net mear yn. Ienkear beslûpte er my dêr, treau my yn in hoeke. Syn drankazem stonk, ik rûk it noch. Hy drige mei ferrie, woe my twinge en hâld nachts myn doar los. Ik moat raasd hawwe. “Ik bin gjin hoer!” rôp ik en net earder as doe't de túnfeint foar it keldersfinster ferskynde liet er my los. “Wel do lyts ketterfenyn,” biet er my ta, “tink om ien ding, it Blokhûs is tichtby!” Dat wie it lêste wat ik fan him hearde.’
Ik hoarte it hynder yn 'e bek, slokte mei muoite in flok fuort, seach it tafriel foar my. De driuwraam, de geile sater! En tsjin sa'n ien soe ik strak wer moaiwaar spylje moatte, fan him myn soldij opstrike! Soe men net mei alles brekke, trochride it suden yn en lit Ljouwert foargoed de hakken sjen? Unsinnich fansels, it gong om liifsbehald foar Christyn, net oars. As in skûlsykjende fûgel hong se tsjin my oan. Fielde ik har hert bûnzjen tsjin myn rêch? It twong my myn grimmitigens te bedimjen en sykje bemoedigjende wurden.
‘Wy binne der hast, fanke. Haw gjin noed mei dy oaren. Hjir sil gjinien dy fine.’
It wie ljochter wurden. Dauwe loek op út de sleatten en it opdykje nei Swichum lei der as in donker lint tusken yn. In hoanne kraaide earne, der wie gerattel fan molkamers, boerefolk siet fierderop efter de kij oan. It platte langhûs fan Aytta lei no foar ús, in sliepend dier dat him útriek yn it earste sinneljocht. In toarn letter sieten wy by it boerepear efter de griene rútsjes fan it foarhûs. Ik fertelde koart wat ik tocht dat lije koe en de beide minsken knikten begryplik, seagen begrutlik nei Christyn dy't stil en ferwezen foar har delstoarre. Jawis, de plakkaten, de wredens fan de frjemde Gouverneur, de dea fan de Ljouwerter snider, it wie allegear ek te Swichum net ûnbekend. Slimst wie noch, it waard jin oandien ek mei
| |
| |
troch eigen. Hear-om hie it de sneins noch mei ôfgriis neamd yn syn preek. It rjocht giet soms krom op 'e strjitten, dat hiene hear Wigle syn wurden west, de lêste kear dat er hjir op 'e pleats wie...
‘En hear Wigle syn freonen binne ús freonen,’ sei de boerinne hertlik, ‘sokken binne hjir altyd wolkom.’
Rom om it hert socht ik myn hynder op oan 'e hûsside, bliid mei dizze ûntfangst. Christyn brocht my hinne, kalmer no, mar it wie te sjen hoe fol har it moed wie.
‘God mei dy bewarje,’ sei se sêft, ‘dy en my beide. En beleaven, Cornelis, mij dy bloedhûn dêr op dat Hûs.’
Hja lei my de han op it skouder, de wurge eagen yn mines.
‘Jonge, hoe moat ik dy tankje?’
Dat wurd ‘jonge’ trof my, rôp my in nachtlik hôf foar de geast, in apelbeam yn 'e bloei. Soe ik...? Mar ik fermanne my.
‘Tankje? Hoe? Troch hjir te bliuwen oant ik dy helje.’
Hja knikte, joech my de hân, de oare as helpleas gripend nei it slotsje om har hals. Sa lyts as no, sa ferbûke hie ik Christyn nea tefoaren sjoen. Alle striidberens en opstannigens like út har weigliden. Yn my groeide in besef dat ik inkeld út myn dreamerijen koe, mar dat no wiermakke waard, har beskermer te wêzen, in sintjorisbesef.
‘Ik kom wer en hâld dy op 'e hichte,’ sei ik en stiigde op. In fleach fan lok gong troch my hinne doe't ik it hiem ôfried en hja my neiweau, it moarnsljocht as in nimbus om har hinne.
|
|