| |
| |
| |
X
Wûnder boppe wûnder slagge Van Aaken de winter troch. Doe't de maartesinne wer wat bleakere makke er op oanstean fan Christyn, syn hoedingel sa't er har neamde, al ris in kuierke troch syn eftertún en hie syn niget oan it earste foarjiersgrien. De slimste boarstbesettings liken te belúnjen, iveriger as er dien hie begûn er te fernimmen nei de gong fan saken op Aldehou en op in aprilmiddei stie er ynienen by my yn 'e tekenloads om, sa't er sei, wer ris in hantaast te dwaan. Dy hantaasten dijden al ringen út ta koarte wurkdagen, al soarge ik derfoar dat ik it skrouske bûtenwurk foar him weinaam.
Yn dy snuorje wie it dat stalfeint Goart my op it wurk in brief oandroech dy't by Selsma's foar my ôfjûn wie troch in Ysselskipper. Glûpend benijd ferbriek ik it reade, biskoplik segel. It symbolum boppe de oanhef holp my fuortdaliks út 'e dream: it epistel wie fan nimmen oars as Wigle fan Aytta. Nijsgjirrich sette ik my ta lêzen, danich fergulde mei dit blyk fan freonskip, teffens in teken ommers dat ik by him net yn 't ferjit rekke wie.
Hy begûn mei ûntskuldigingen oer syn swijen fan hast in jier lang, mar eilaas, drokke beuzichheden foar de biskop fan Munster en lange sittingen as rjochtskundige fan Syn Emininsje hiene him de hannen bûn. Doe kaam er op ús sneinsreis nei Swichum fan foarich jier. Noflike oantinkens hie er dêroan en hy fersocht my, mocht it my skikke, de groetenissen oer te bringen oan syn hierboer op Aytta-State. Fierdersoan beskreau er my yn lichte, wat studintikoaze trant syn ôfreis út Ljouwert en it ûnderhâld dat er doe hân hie mei de deputearre Siids Tjaerda op Rinsumageast, útfloeisel sa't my heuge soe
| |
| |
fan syn ôfspraak mei dy syn soan, de Leuvener studint. Ik fermakke my derom, hoe't er de stegens fan dy stikelbaarch-op-eigen-hiem wist te sketsen. Doe't Wigle hoeden begûn wie oer syn dochter Kinsck, it ferstjitten laam, wa't er de stins ferbean hie, doe hie de âlde fuort alle stikels oerein. Wie ‘omslaan’ (sa hie Tjaerda, bitend op syn knevels, it neamd!), wie omslaan mei in túnfeint dan net slimmernôch? Moasten ealmansdochters dy't har ferslingeren oan tsjinstfolk dan net yn de faderlike ban? ‘Do begrypst,’ skreau Wigle (o, ik séách it glimke yn syn rossich burdsje!), ‘dat wiene no just gjin retoaryske fragen.’ Hawar, ta in soen yn 'e sibbe wie it alderminst kommen. Fjoer en swevel hie de âld strider blaasd doe't er losrekke oer it temûke houlik fan dyselde dochter, dy't har boppedat, sa't him trochdien wie, te Imbden ynlitten hie mei dat godfergetten doperfolk. Sûnder wat te berikken hie Wigle de stins ferlitten. Ienkear wer oer de brêge, sa makke er it smoutwei, hie er ‘it stof fan De Geast fan syn fuotten skodde’. Syn nijs út Munsterlan wie gâns earnstiger fan toan. Wylde sekten skeaten dêr op as diveldrek tusken de weet. Lutherlju en Melchioriten tsierden dêr as hingers by hagepreken, dy't de biskoplike soldeniers somtiids mei it swurd útinoar jagen. De Boere-opstân fan nêst jierren mocht dan yn bloed en brân smoard wêze, dochs smeulden der noch reboeljes nei en dy joegen de legere rjochtbanken hannen fol wurk. Op plakken woede de pleach fan de Adamiten, neakenrinders dy't parochypapen molestearren en har net ûntseagen om mei stellen hostybrea, godbettert, har magen fol te tropjen. As officiaal wie men mei sokke útsinnigen soms dagen besteld. Syn Emininsje hie al sein, noch ien stap fierder en de flagellanten brekke wer los as yn 'e tiden fan de Swarte Dea. Sa net, persoanlik soene Wigle syn drokten noch wol tanimme. Earstdeis ferliet er Munsterlân wer fanwege syn beneaming by it keizerlik Ryks-keamergerjocht yn it Beierske, te Spiers om krekt te wêzen. In nije rjochtsoarder skeppe dêr't it ketterdom op stomp rûn, sa soe it moatte.
| |
| |
It die my goed dat myn freon by einsluten net fergeat te fernimmen nei de foarderingen fan ús bouwerij. Hy befestige syn foarnimmen om skielk oer te kommen en de ynwijing fan toer-en-tsjerke by te wenjen.
Bene vale, Cornelius, charissime. De swierige ûndertekening mei Viglius Suichemius joech my in gefoel fan grutskens, in besef fan ferbûnens mei dizze Fries fan myn jierren, no al roppen ta hege amten. Ik besleat om him te antwurdzjen sadree't him in gelegenheid foardie. Ien fan de koeriers fan it Hof dy't simmers tusken Ljouwert en Brussel drok op en del reizgen koe ik miskien safier krije en nim in libbensteken fan my mei yn syn sadeltas.
Mar it betearde oars. It bleau by sillen, mei't oare saken myn oandacht opeasken. Yn it earst fan maaie socht it stedsregear Van Aaken oan om yn de Ysselstêd Kampen in skipslading kapstien te meunster jen út de Dútske lânen, dy't mûlk te brûken wie foar de kommende boppebou fan de toer. ‘Dat is slim wegerjen,’ ornearre de master doe't ik myn soarch út-spriek oer wat sa'n reis fan him fergje soe, ‘och, by miswaar krûp ik wol yn 'e roef.’
Utrist troch Christyn wie er op in moarn oan board stapt by in bûterfarder, fol goede moed. Foar in deimannich soe ik op Aldehou no myn eigen man wêze.
Glorieus kaam de maitiid dat jiers. Yn 'e bolwurksskeanten fleach it hagedoarnhout sjendereach yn 'e bloei en sprate bywilen in swietrook oer de stêd dy't de neiwinterstank fan de grêften ferdreau. Fûgelguod skrepte mei striekes en op 'e naal fan it Burmaniahûs tsjotteren moarns de protters as woene se mei har konserten de klinkklang fan mitseltroffels oerstimme. De Bûterhernsters kamen ek los; komelkers drifken har bistkes troch de Skotstrjitte en oer it ravelyn fan de Leaffrouwepoarte nei it weidlân bûtengrêfts. Soms wie der in trelit mei in dryste leproas dy't ratteljend mei syn lazarusklep de opdrift yn it paad stie en syn ielmis by de boargers misrûn. Preammen fan it Wilaarder tichelwurk glieden wer foar ús loswâl mei it earste
| |
| |
baksel fan nei de winter. It wie as libbe alles op út in bestjurring. Jûns ear't de skimer foel rigele al tsjinstfammefolk de Nijstêd oer, elkoar stiif yn 'e earm, in bizich sankje opheljend of lonkjend nei in slije soldenier fan it Blokhûs.
Sa'n sidene foarjiersjûn wie it, doe't myn keamersmuorren op my takamen. Soe ik it hynder nimme? De klaaidiken, winters meast in blabberboel, koene no al aardich fersiigd wêze. Mar it waard in kuier, dy't útrûn op in doelleaze dwaaltocht troch it hert fan de stêd. Sa bedarre ik lang om let yn it strjitsje dêr't de Grauwe Beginen har tehûs hiene. Tusken twa boargerwenten troch wist ik hjir in stege dy't útkaam op in modderpaad troch eftertunen. Oan dat paad lei ek de tún dy't by Van Aaken's hûs hearde. In pear kear wie ik it mei de master lâns rûn en hie myn niget hân oan de kerse- en nutebeammen dy't it fan wjerskanten beskaden. Oanstriid om Christyn te moetsjen fitere my. Sûnt dy jûne mei David Joris hie ik har net wer ûnder fjouwer eagen troffen, mar fan har ôfset hie ik my alderminst. Allegeduerigen ware har stal troch myn nachtsliep, my ôfstegerjend no, lokjend dan wer, madonna en minneresse, in dûbelbyld dat net gearrane woe ta ûndielberens en my yn ûnfrede liet en betizing. Mar no soe se it hûs allinne hawwe.
Tusken de bloeiende fruchtbeammen kaam ik gjin minske tsjin. Doe't ik it flapstekje iepentreau seach ik har stean, de rêch nei my ta. Hja fandele waskguod fan in line, it ljocht fan de neidei om it wynderjend hier. Mei in klap liet ik it stekje tsjin de stuitpeal falle. Rap, net sûnder in lichte skrik draaide se har om.
‘Do hjir? En dy kant út wei?’
Ik hie skelmje kinnen en sis dat de foarhûsklopper wegere, mar ik fersmiet it flau ferlechje en mompele wat oer ferlet fan oanspraak. Hja glimke - o, dat sûnderling trekje om kin en mûle! -, krige it lêste waskguod en noege my yn 'e hûs. Mei beide earmen fol gong se my foar, de skoat fan it jakje dûnsjend oer de heupen; in rook fan friswosken linnen wyndere har nei. Hja woe yn 'e efterkeamer in kears opstekke, mar ik warde it
| |
| |
ôf, sei dat ik fan skimerjen hold. Yn 'e beamkrunen efterhûs mindere it deiljocht. Wy foelen yn rêstich praat oer de dingen fan 'e dei: master Jacob syn útreis nei it fiere Kampen, in keppel fee dy't har stoepbank besmoarke hie, in lijer by it Skavernek wei dy't lânsdroegen wie nei it pesthûs... Har lûd allinne al betsjoende my, spûn my yn, triedden spannend nei myn dreambylden. Oant se oereinfearre en my mei ûntskuldiging foar har sleauwens in kroes wyn oanbea, wat ik oannaam op betingst dat se meidie. Wylst se ús beide ynskonk, de earms, stykjend út pofmouwen, ien blank beweech, foel my it each wer op har halssnoerke mei it sintandryskrúske, dat by it oerbûgen in tel-twa frij yn 'e loft soeike. Soe ik har freegje wêr't se it weihie, wat it ynhie? Mar hja begûn oer wat ik de David Jorisjûn neamde en woe witte hoe't de man my oanfallen wie. Earlik spul spylje! sei in stim yn my, dyn sin sizze al soe it har leed wêze. Licht smyt se dan dy ynbannigens ris foar ienkear ôf!
‘Ik wit net, Christyn, of leaver, ik wit it wol. Hy brûkt de bibel as in flokboek, as in soarte kontraplakkaat. Is men holpen mei gedweep oer dat Ryk fan de Tûzen Jier? Hy hat gelyk dat der in biezem moat troch tsjerke en kleaster, mar sá net. De man is my te krampich, te tizich. En dat neamt himsels gesant fan in profeet, in tredde David, toemar. Is sa'n lear no wurdich en jou jin yn gefaar fan ôfsnijing, fan ferfolging? My tinkt fan net.’ Skerper misprizings leine my op 'e tonge, mar ik hold se benefter. Hár betinken woe ik hearre, hár djipste gefoelens, sa slim te grûnjen. Roerleas siet Christyn foar my oer yn 'e healskimer, de hân oan har wynkroes. Makke se har ree op in tsjinoanfal? Foel se mar ris tsjin my út, betocht ik, mar it besloech oars. Suver bedêst socht se om wurden.
‘Ik stim dy mei, Cornelis, dizze David is net de learaar dy't ik earst yn him seach. Hy wurdt fertard fan wrok, fan wraak. Mar ferjit net, hy hat lit. Ik mis by him de treast dy't de Skrift jout. Dy sprekt ommers fan in sêft jûk en in lichte lêst.’
‘Dat stiet ek yn dyn bibel?’
| |
| |
‘Dat leart de Heilân sels, dy't seit: lear fan my dat ik sêftmoedich bin en nederich fan hert. Sjoch, dat fyn ik te min by David Joris, dy't him in godsman neamt, mar in ôfbrekker is. Hy...’
‘Mar,’ ûnderbriek ik har,’ ‘leart de clerus ús dan wat oars?
‘Dan binne it wurden, inkeld wurden, sûnder hert. Barmhertichheid mei de earme, de ellindige, it liket ús mislêzers bleate foarm te wêzen, in hoalling om in swollene finger. Mar de finger sels swolt troch. Ik ken minsken, Cornelis, dy't útsûgd binne ta de lêste pinning op ôfkeap fan ivich heil. Mar dat leit net yn minskehannen, yn reliken en monstrânzen. Leau my, al dat en noch mear hat my dizze wei opstjoerd.’
‘De wei nei Straatsburg?’
Ik koe de spot yn myn fraach min ferdûzelje.
‘De wei nei de frijheid fan de kristenminske,’ sei se sêft, ‘de wei dêr't in Martin Luther foar opkomt.’
‘Luther? Is dy wat oars as in losbrutsen hearremyt, in dolle Augustyn?’
‘Hy moat mear wêze, hy is mear. Hy hie de moed en skodzje it jûk ôf dat him kniep. Ynpleats naam er it knús op. It keale krús fan Kristus, skriuwt er, dêr giet it om, net om it goudbrokaat fan ús prysters.’
It ûntkaam my net dat se ‘ús prysters’ sei, gjin taal oars foar in ôffallige.
‘Ryk en earm,’ begûn ik wer, ‘ha der altyd west. Sa bestiet de wrâld.’
‘Ryk en earm, seiste. Lês dan it stik ris oer dy earste Kristenen yn Jeruzalem. Dy hiene alle dingen ien en mien.’
‘Dat is lang lyn.’
Ik murk hoe swak myn tsjinwar waard by wat gloeide efter har wurden. Earste kristenen. It keale krús. Mar dêr woe in Erasmus ommers ek hinne, dy fijân fan alle klettergoud!
‘Lang lyn of net,’ sei se, ‘mar dêr leit it begjin en tagelyk ús foarlân. Lit my ien ding sizze, ik haw stien by Sicke Snider syn skafot. Dêr waard it my ynjûn, it Ryk fan God is net fan dizze
| |
| |
wrâld. De wei fan it krús is de wei fan it ljocht, net dy fan miswûnder en geweld van plakkaten. Dat ljocht haw ik blinken sjoen yn baas Sicke syn eagen, yn de psalm dy't er song.’ Hja wie in toarn stil, weidûkt yn it healtsjuster. ‘Mar mien net, dat ik altyd myn wei wit, noait ris twivelje. God mei it witte.’
Har stim hapere, har lippen trillen, ferbylde ik my. Tusken ús foel in swijen. Wat moast ik sizze? Wat gong der net om yn dizze steile Friezinne, yn dizze dochter fan it lân? Ik woe wol trochgean, har fergje op mear, fierder trochkringe yn it labyrint dat hja noch altyd foar my wie: in twasidich wêzen, ferliedlik yn har keinens, har lokjende froulikens, mar ek ôfstân skeppend, dwaande as se wie mei de dingen fan de geast, de siel.
Ik fielde my ûnwis, woe it lêste út myn kroes nimme, mar dy wie leech. Yn 'e maaiejûn ferflauwen de omkanten fan de beamkrunen bûten. Soe ik it brief fan Wigle neame, har wize op 'e wantastannen yn Munsterlân?
‘Sjochst my fansels oan foar in kwezel. Of leaver foar in ketter.’ Har stim hie it weake fan niis ferlern, like wer hâld te krijen yn deistiger praat. Ik fermanne my, socht om in hâlding, in stelling.
‘Ik woe dat ik sizze koe wat ik fan dy tink. Ketter? Och, in wurd foar pilaarbiters en ynkwisiteurs. En dêr hâldst my dochs net foar?’
Hja lake, efkes ljochte it wyt fan har tosken op.
‘Ik haw it al ris sein, ik betrou dy. Oanbringers binne oars.’
‘Hoe kin men immen ferriede,’ ferge ik, ‘dêr't men neat fan wit?’
‘Do witst al safolle oer my. Mear as master Jacob fan my wit.’
‘Mar it alderneiste wit ik net.’
‘It alderneiste wit God.’
Hja gong oerein, no wer ien en al earnst. Wy stiene yn it foarhûs by de útdoar dêr't Christyn de skoattels foarwei striek. It flamke fan 'e bleaker yn har oare hân beljochte efter har de
| |
| |
muorre mei de byltnis fan Van Aaken's oarehelte, matrone mei de kanten wytmûtse, dy't my as bestraffend oanseach. Ik fielde myn hert oangean no't hja deun nêst my stie, woe har oankrûpe, har pats je, mar myn hân roerde inkeld de sêfte rûning fan har boppe-earm. Hja warde my net ôf, waard net kjel, mar ik seach hoe't in swym fan read har nei de wangen stiigde. Doe loek se krankyl de strjittedoar iepen, seach my oan, de finger op 'e lippen.
‘Lit dit ek tusken ús bliuwe, Cornelis. Der wurdt al te folle praat.’
Der ferrûn in goed wike ear't Van Aaken werom wie út de Ysselstêd. It wie te sjen, de reis hie him gjin goed dien. Hy hold him grut, dy earste dagen, ûntwiek in antwurd as men nei syn sûnens frege, in koppige wil like him op fuotten te hâlden. Sûnder mis, it gepas en gemjit op in rivierkaai en it keapmanjen mei stienskippers oer fracht en oerslach hie him dregernôch west. Kweade koartsen holden him mei gauwens binnendoar, gnauden opnij oan syn ôftakjend gestel. Al in pear kear wie myn oerlis mei him fersteld, ôfsprongen op hoastbuien en sinkings, oant ik einlings fan him it ferslach te lêzen krige dat de froedskip ynljochtsje moast oer syn stienoankeap. It skrift, oars sa fêst en fyn, wie trilderich, liet útskampers sjen fan de guozzefear as fan immen dy't syn lêste krêften oanspand hie.
‘It stiet no fierders oan dy, Nelis, en ferfoarderje dy saak,’ sei er heazich, wylst er my it stik oerlange. ‘Dizze man hat syn bêst dien en mear kin er net.’
Hy besocht syn ûnmacht noch mei wat gekheid te beslaan, mar it gong him net linich ôf. Hoe koe ik him moed ynsprekke?
It kaam my amper ûnferwachts oer doe't it kosterke fan de Sint-Vitus my in dei letter trochdie, master Jacob hie bloed opjûn en hear Fedde wie yn 'e Skotstrjitte ûntbean om him te foarsjen fan de Lêste Sakraminten. In lichte skok joech it dochs. Wie dit it begjin fan de ein?
| |
| |
In safolste reis nei syn siikbêd befestige myn bang fermoeden. Syn stim wie ôfswakke ta ûnfersteanberens, allinne de holle eagen sprieken noch flau de taal fan de strider op ferlerne skânzen.
Ik hie in kordate Christyn fûn dy't har triennen ferbiet en har frees foar it slimste ferburch ûnder húslike foarsoargen. Mei har lei ik oer wat ús de kommende tiid te dwaan stie. Ik sette it troch om de earste nachten by de sike te wekjen. Hja aksele earst wol tsjin, achte soks op har wei te lizzen, mar doe't ik bybrocht, hja hie ek oerdeis har drokten al, joech se belies.
It wie in sierlike maaiejûn doe't ik súntsjes de klopper falle liet om myn earste nachtweits waar te nimmen. De kastanjebeam yn 'e tún fan de Burmania's hie de bloeikearsen oan, rook fan apelblossem wyndere oer muorre en ringgrêft. Op in skoarstienboerd siet in klyster te kwinkelearjen mei it bekje iepen nei de jûndage. Ik seach dernei en it wie my as sloech de mjitgong fan de natuer de spot mei in minskeblibben dêr't de dea yn begrepen wie. In oanklacht wie it, in dissonant. Hoe koene dea en ferdjer de bloei fan maitiid sa wreed trochkruse? Lang tiid ta mimerijen krige ik net. Yn in sydalkoof lei master Jacob op syn sliepbank, in switdoek oer de foarholle, it antlit as fan parkemint. It smûgen, lei Christyn my út, bedarre wat, wie oergien yn rêstiger sykheljen. De krûdedrank dy't hja by ien fan de stedsbarbiers helje litten hie like heilsum te wurkjen. It ljocht fan de iene kears by it fuottenein, tocht har, soe de sliep fan de master net steure. Mei teare soarch, in ingel njonken myn ûnbehelp, skikte hja alles ree foar de nacht, lei skjinne doeken klear, snute de waakskears. Bewûnderjend folge ik har dwaan mei de eagen. Hja droech noch in krukje wyn oan - om wekker te bliuwen sa't se my flau glimkjend betsjutte - en joech har ôf, mar net nei't se my oplein hie om har fuortdaliks te roppen, mocht der wat barre. Mei it sicht op 'e sike postuerde ik my yn in stoel, betocht mei spyt dat ik it boekje fan Erasmus meinimme sild hie, mar de holle fol oare dingen hie ik it op myn keamer lizze litten.
| |
| |
Têd ferrûnen de oeren fan dy foarnacht. Allinken wiene de lêste lûden fan de strjitte weistoarn: gebonk fan in lette slyptrôch oer de balstiennen, it poartelieden, en as útsetter de bierpsalm fan in sûphals dy't op hûs oan stroffele. Allinne de rop fan it nachtûltsje út de beammen om it Burmaniahûs bleau oer, mar koe de stilte amper ferbrekke.
Master Jacob lei fersonken as yn in dûze, soms ferweegden de stroeve lippen, mear net. Myn tinzen swurven. Oantinkens út earder jierren, flitsen as opdûkend út donker wetter: myn jongesskoaltsje yn Montfoort, gepiel mei kikkertsdril yn maitiden as dizze, it buorfamke letter, dêr't ien fan de fraters my mei trapearre hie efter in mole by Linschoten. Hoe'n trelit hie dat jûn, en och, hoe bernlik eins dat frijerijke út myn bloarrejierren. Trije wike wie it my ferbean om by de misse yn it koar te stean... Myn leartiid ûnder Van Aaken kaam boppe; hoe't er my de klassike boustilen fan Vitruvius, de grutte Romein, ynskerpe hie, mar ek de leare fan de rike spitsbôge, de tapaste mathematika, de wurking fan de romte, de draachkrêft fan it krúsferwulft. Strang hie er wol west, strang èn ferduldich, in bouwer dy't libbe foar syn keunst en fan himsels ferge wat er fan in oar easke. Oant hjir te Ljouwert de kear kaam, de kwaal dy't him ûndermine, syn houliksramp, syn striid op it wurk mei settings, striid ek mei de tsjerkmasters, it tsjerkefabryk, sa't er it wol neamde... En dêrmei skode immen oars my foar de geast, magister Pier fan Burmania, de kolos mei it bolderlûd, Pier Poehei, mei ûnder him it donkere heidintsje mei har soeikjende boarsten...
Ik moast wat weisûze wêze, want ûnfoarsjoens stie se nêst myn stoel, Christyn, in skouderdoek omslein oer har nachtklean.
‘Hy hat gjin lêst, sa te sjen,’ hearde ik har lústerjen. Wylst se de lippen fan de sike befochtige en de foarholledoek ferfarske bekroep my skamte oer myn sleauwens. Dat hie ommers myn wurk west! Hja bûgde oer it bêd en har hier, in gouden pracht no, glied los oer har skouders en wangen. Hja stie al wer oerein, gjin each fan de master ôf, striek har lokken achteleas
| |
| |
nei efteren, de earms efkes yn in bôge omheech, de rûne foarmen fan har lea spand ûnder it no straklutsen kleed. Myn selsferwyt sakke wei, net bestân tsjin it bekoarlike dat my oanfleach, bestoarme.
Christyn snúfde, seach om har hinne yn it alkoofke, dêr't, murk ik no ek, in jittiksoere lucht hong.
‘Bedompt is it hjir. As ik dy riede mei, rin efkes de tún yn, fertraapje dy wat.’ Hja wifke efkes, seach my oan. ‘Dan sil ik wilens wat klearmeitsje dêr't men wekker by bliuwe kin.’
In bedutsen ferwyt? Fansels, hja hie myn slûgjen fan niis opmurken. Wat ûntkaam har net?
As in hûn syn hoedster folge ik har nei de koken. As in hûn, wie dat sa wol? Nee, rjochtoarsom, de rollen wikselen, iksels wie de jager en hja it wyld. O, it berûze my, dy ûnbestimde sliepgeur fan harres, de kadâns fan dy heupen dêr fóár my, dat hier weagjend oer de ranke rêch! As yn in dwelme stiek ik de hannen út, mar hja sette de ljochter op 'e kokenstafel en ûntskoattele my de efterdoar. In eachwink stie hja njonken my, de nachtloft boppe ús, blossemrook wyndere jin oan. Langsten stegeren yn my op, lang bedimme, lang fuorttreaun. ‘Kom, Christyn!’ Ik griep har pols, har hân, troaide har mei de maaietún yn.
‘Ik sil..., ik moat...,’ brocht se út, mar ik hie de earms al om har hinne, socht har mûle. De oanreits fan har lea ûnder de tinne nachtklean flamme troch myn sinnen, briek de bastions ôf dy't myn bleuëns - nee, myn leffens - om har hinne boud hie. No in man útmeitsje, de madonna yn har ombûge, brekke! Mar murk ik wol ferwar? Har skouderdoek wie ôfgliden, mar hja liet it gewurde, die gjin war en krij him op. Nee, se skuorde har net los, spile net de misledige ûnskuld. Triljend ûntspande har rêch ûnder myn streakjen, waard weaker, joech mei, ek doe't de rûning fan har boarst as in simmerapel rêste yn it holle fan myn hân. Skruten lei de se holle tsjin my oan, aaike myn wang, myn lippen, suchte djip, as waarden langsten, net te stuitsjen no, ek har oermânsk.
| |
| |
‘Bist leaf,’ lústere se, de mûle by myn ear. En doe opnij: ‘Bist leaf.’
Har stim kaam as út in dreamlân, in lang ôfsletten dwaaltún. Ik patte har skouder, har hals, biet wyld yn it ket fan har sintandryskrúske as woe ik it har ûnttake... Boppe ús liet in beam syn bloeiselwyt falle yn it gêrs om ús, op har hier foar my. Ik blaasde it fuort, krôksel fan maitiid, fan tinend libben. Wat lette ús om ús hjir del te flijen by dy skeanwaaide stamme, smyt alle wjerstân ôf as in lestich kleed? Wêr fûn ik wurden?
‘Christyn lit my, lit ús... Ik hâld fan dy, allinne fan dy...’
‘O jonge,’ wie alles wat ik hearde. In tawurd? In swiet ferwyt? De grage waarmens fan har lippen op mines liet elke fraach ferstomje. Har lichem joech bûchsum mei, heal yn oerjefte oan myn wyldsin, dy't - ik fielde it - harres mei waard, har oanstiek. Soe ik...?
Doe, as by tongerslach, skrille se op, griep myn earm, loek myn hân werom.
‘Dit mei net, dit ken net! De master...’
Hja sette har tsjin my ôf, wynde wei út myn omearming, bûgde rap nei har skouderdoek en sloech dy om, de hannen as beskermjend om boarst en skouders. Gjin wurd koe ik betinke, feralterearre rûn ik har nei, it hûs yn, de koken troch nei it sydalkoof. In útbaarnde kears flakkere by it fuottenein. Op it kessen lei syn holle, fan siden sakke, de mûle ynwyt en sûnder siken.
Master Jacob van Aaken wie dea.
|
|