| |
| |
| |
IX
It wie justjes nei Sint Lambertus, de earste hjerstblêden dwarrelen al, doe't der op Aldehou ûnfoarsjoens wat barde dat opnij it wurk tydlik yn trewyn brocht. Op in moarntiid warskôge de leadmaster my, wyt om'e noas fan alteraasje. Hy wiisde nei de westmuorre, lyk boppe de útsparring dy't de tsjerke-yngong wurde moast. Leave santen stean ús by, dêr gappe it begjin fan in skuor!
As wie ik fan it waar slein, sa seach ik it oan. Mjitroede en sjitlead befestigen myn earste freze: de hoekbearen wiene dêr mear as in fingerbree útwykt, hiene, al hoe grou, gjin genôch tsjindruk biede kinnen. Dêr kaam by - de sichtneil wiisde it ûnferbidlik út -, by de ynboude draaitrep toande it basemint nije spoaren fan fersakking. Yn 'e godsnamme, wêr moast dit hinne?
Master Jacob wie dy deis net by de wurken. De skerpe seewinen hiene him mei kjeld opskipe en him nei ferbiten ferset oan hûs bûn. Hy gammele gauris de lêste tiid, de eagen hol, de stap ûnwis en slingerjend as er de boupleats opkaam. Hieltyd mear wie er twongen om wurk op my stean te litten.
Dy moarns siet ik foar syn bêd om rie en oerlis. De foarholle yn tearen, de hân oan it sikje hearde er my oan, hifke de wei nei mooglik ferhelp, mar efter syn heas lûd kwynde twivel en brutsen ferset. Us besprek wie fan dy gefolgen, dat ik de top fan dy westlike spitsbôge útbrekke en de skuor tichtmitselje liet. Op 'e twadde omgong brocht ik binnenom iken balken oan, mei izeren stroppen oaninoar ferbûn. In needsprong, ik wist it, mar it holp ynsáfier, it skurd sette net fuort, dat ear't
| |
| |
winterfroast roet yn 't iten smiet koe de bouwerij wer fuortgong fine.
Wy hiene ôfpraat om magister Pier net yn ús tûkelteammen te beheljen. Wat soe it bate? De man soe dochs mar lekepraat útbringe en wie neat te goed om ús as boumasters op it euvel oan te sprekken. Burmania... As er de loads ynsilen kaam, in wynfetlucht om him hinne, rinkeljend mei it wurklean, dan krige ik, wolle of net, dy omgongsnacht wer foar my, sa't er út dy huorrenearring stapt wie, de kop read opset, de klean tichtknoopjend. Tsjin nimmen net hie ik noch in mûle iependien oer dat eksploat by it keppelwiif fan ôfrûne simmer. Wol liet ik yn my omgean en warkôgje Christyn opnij om har te hoedzjen foar ien dy't frouljusdeugd ôfmeat oan willich fleis. Mar hie it sin? Faaks hold ek wat oars my tsjin, ferhoalen skamte of kekenheid foar har ûnbesprutsen frou-wêzen oer. Of wie it eigenbelang? Unwissens pleage my, hoe't se it opnimme soe as ik alles sei, ek myn ynsilen mei it orakel fan de Griene Wei en wat ik wist fan dat heidintsje op har ferknûkele leger. Dan wie it ommers better en spylje it oer de skiif fan master Jacob sels.
Nei dy omgongswike hie ik Christyn nammers net wer apart sprutsen. Myn skaakpartijkes mei Van Aaken waarden seldsumer; ik murk hoe't myn patroan it jûns mei muoite lang op fuotten hold, al woe er dat mar heal wêze. Wol priizge er in pear kear de noed en soarch dy't it fanke hie mei syn gestel. Sieten hy en ik al ris foar it swart-wite fjild, dan gong Christyn stil har wei troch it hûs, in kears snutend, it fjurke yn 'e hurd oprekkend mei de rêch nei my ta. Hie dy iene jûn fan fleur en ferealens har wanich makke en draaide se dêrom de eagen fan my ôf? Min koe ik it ferneare, sokke fragen dy't my narren en dêr't de tsjinslaggen op 'e boupleats noch oerhinne kamen. Ik fielde my as in bidler foar in tadoar en ferbûn har hâlding soms mei it waar fan dy hjerstdagen: in skiere dize hong foar my om dit fammebestean, weiskûle efter de hurde hûsplicht fan al den dei.
| |
| |
Sa sette nei Sint Steffen it earste winterke yn. De nijjierssjongers hiene har skoaierij by de doarren al wer staakt en de rûgelsnie fan ien nacht wie al wer weiteid, doe begûn de froast rjocht ta te knipen. De stedsdjippen rekken ticht, bern op slydsjes sljurken it iis oer mei op 'e pipen de memmen yn wollen skouderdoeken dy't warskôgen foar de bitten dy't de brouwers elke moarn tsjin de wâlkant wer iepen kappen. Op 'e bolwurksgrêft swierde al ris ien op redens, lju fan de bopperein, holle en lea bewuolle yn mûtse en pels. Strjitfolk bûten de fêste sutelders seach men in bytsje no, of it moast in termynbroer wêze fan de Franciskanen dy't de boer opteach foar in jefte. Soms wiene der ek skeamelen fan Griene Wei en Ruterskertier, huverjend yn har te tinne liifdracht, dy't de Bûterherne opsochten om wat waarmte efter de kowesturten. Myn kosterke wist te melden dat de Beier fol siet mei marserinders en al sokken. Har wie de winterkjeld te folle wurden, dat no sochten se yn 'e stêd in dak en wat pielen mei swevelprikken. Dan wiene dêr de wiven út de Wilaarder wurken, fûl op in krom fertsjinst. Om thús de lytse mûlen iepen te hâlden sutelen se mei ôftanke tichelturf of beaden har tsjinsten oan by de ealmanshuzen. Drok hiene it de begyntsjes út de Sint-Annastrjitte, dy't yn har kleasterkoken potten mei hynstebeannen oer it fjoer hiene, oefte foar de alderearmsten en de siken.
Alle wurk op Aldehou dat weake kalkspeesje frege lei no foargoed stil. De boppeste farske stienlagen liet ik mei leafreid en striegruden ôfdekke, dat allinne it droege wurk fan de stienkappers koe fierdergean. Under oan de toer hiene se wynskûlen set en fjurkes oanlein om de knoffelige knûsten linich te hâlden. Net sûnder muoite en oantrún hie ik master Jacob safier krige, hy soe, no't it wurk lichte, mar binnen eigen balken bliuwe.
Winter yn Ljouwert. Op in moarntiid mei strakblauwe loft seach ik hoe't feintefolk fan Burmaniahûs in belslide de bûte- | |
| |
grêft opskode en dêr in hynder op skerp foar spande. Troch it efterpoartsje ferskynde yn lape en kape de lange Burmania; klappend mei in beplomme swipe naam er de leie oer. De wachter fan de Leaffrouwepoarte hie grif de wink krige, want hy late in ealmansdochter út de stêd - ien út it Minnema-espel hearde ik om my hinne - it spegeljend iis op. De kolos mei syn bolderlûd bestelde dingen dy't ik fan myn plak op it bolwurk ôf net ferstie, tilde doe de mei gjin priem te bestekken jongfaam as in fearke yn 'e slide en dêr glied it hinne, de grêft del mei rinkeljende skiltsjes. Oare kant grêft stie wat omstippend folk it skouspul oan te gapjen en ek myn wurklju om my hinne hiene niget, al koene guon it net litte en fal yn smeulsk en dûbelsinnich praat.
‘Der leit wer ien oan 'e sintinsje by de lange,’ hearde ik gysgobjen.
‘Meitsje steat, sa'n fromminske kin mar op har foartúntsje passe,’ ornearre in oarenien. En in treddenien smiet der oerhinne: ‘As it grôt tine wol, dan stiet de skandekker foar de jonge griente, sa is 't by him.’
Skealik laks jen folge. Ik die it swijen derta, bearde mar as wie ik dôf. Sa waard der dus oer de slydjeier fan niis ûnder it folk stikele en dien, betocht ik. Lju dy't ôfkamen op 'e klank fan syn rinkelskiven as it holdert wie en nederich oan 'e mûtse tikken by it barren fan har skeamele deihier, mar ûndertusken! Hie sa'n swipeswaaier wol in kromke besef fan wat der omgong yn har binnenste? Soe er him ea wol ealge hawwe dat sokken ek har eare hiene en in hert?
Ien fan dy winterige dagen wie it doe't ik de boade krige, in ierlitter út de stêd wie by master Jacob ûntbean. Der waard by sein, út de Papenastins wei hie immen in pastoar nei syn hûs rinnen sjoen, al wie it noch sûnder Sakramint en alterskille. Ik stiek nei de Skotstrjitte, dêr't in soarchlike Christyn my iependie.
‘De master hat it net rom,’ sei se sêft, ‘it sykheljen wol net, it boarst pipet sa. Meitsje it net te lang, Cornelis.’
| |
| |
Hja brocht my nei de wenkeamer, dêr't by in heech turffjoer de sike op in sliepbank lei. Neareagich seach er my oan, de mûle in bleke skreef, stiek in hân út dy't as in klompke iis yn mines lei.
‘Goed datst kommen bist, Nelis. Do sjochst, it wol wer net mei my. It wit net oft ik sa de winter trochkom. Harkje, ik haw neitocht. Ik wol it boukapittel in brief takomme litte mei fersiik om ûntslach. Mar as eask wol ik stelle dat se dy beneame as myn opfolger. Do bist no de saken treast. Mar ik...’ (hy hoaste djipwei) ‘ik woe it net bûten dy om dwaan. Ien ding hoopje ik no mar, dat it dyn goedfinen hat.’
Tantsjend seach er my oan, smeekjend suver, in tebûke man. Hoe'n striid moast er fierd hawwe, ear't er mei in foarslach as dizze kaam en syn stege wil belies jûn hie.
‘Mien net,’ sei er noch, ‘dat ik dy mei broddelwurk opskypje wol, mar jonge, ik sjoch gjin oare wei.’
Swijend hearde ik it oan, oardere myn tinzen, wiis ek wer mei it betrouwen dat út syn wurden bliek. Mar soe ik it sûnder syn stipe en rêgespraak oprêde? It woe net yn my del.
‘Skielk winne de dagen wer,’ lei ik yn, ‘lit ús net te hurd fan stâl rinne. As de winter oer is en it waar myldert, alle kâns dat jo...’
Hy loek oan 'e skouders, seach mistreastich foar him del. Lang prate ik op him yn, brocht by, dat dizze goarre gau oerbetterje koe. Tegearre soene wy dan wer foar de ballen stean, de tsjinstuiten better oan kinne, tegearre as dat wêze mocht de kroan op it wurk sette... Al neigeraden gong syn skodholjen oer yn licht knikken. Ik koe sjen hoe't myn ferset tsjin al te hastige stappen him goed die, him opmontere.
‘Miskien hast gelyk, Nelis, mar ik wit net...’
Doe't Christyn ynkaam om syn tekkens rjocht te skikken wie ús beslút fallen om it oan te sjen en om dat brief (tenearsten, sa't de master derby sei) net te skriuwen. Tankber, ferromme suver joech ik my wer ôf.
Lokkigernôch hold de froast net lang oan. Ear't wy mids
| |
| |
febrewaris skreauwen wie it iis al wer út 'e grêften en koe it wurk wer op gong komme. Lang en tsjuster wiene wol de jûnen, dy't ik meast trochbrocht yn de jachtweide fan De Gouden Helm. In potsje triktrak mei de stamgasten wie dan myn ferdivedaasje, wylst frou Baef my bedoar mei waarme kleasterwyn. Somtiden wie ik ek wol de gast yn ien fan de gildehuzen, dêr't it fleurich tagong en de stro net om in aai bedoarn waard as de bruorren losrekken. Rûge ferhalen hearde ik, grappen en gritsen oer Minck de nar en syn biertoarst, dy't ôfwikselen mei de brike oankomsten fan strjitslipers as Griet Onbeleefd en konsorten. Mar âlderen hellen ek op oer it bieroproer fan 1487, doe't de brouwers yn it stiel biten hiene en it Amelânshûs belegeren. De Bûnte Papen, sa waard ik wys, hiene de partijen wer tainoar brocht, mar it âld sear tusken Skieringers en Fetkeapers hie noch lang neiskrynd. Bloed hie it koste, skelen dy't de Saks mei de hurde hân delslein hie en har útsetter fun hiene yn it ûnthalzjen fan Grutte Wiert, ûnderadmiraal fan Grutte Pier fan Kimswert, waans namme my ek oare kant Sudersee wol mei ôfgriis neamd wie. Syn slachswurd, waard derby ferteld, hong no as in ûnbidich kriichstrofee te pronk op it Riedhûs. Ferhalen... Ek de slimme stedsbrân fan 1511, noch farsk yn it ûnthâld, rekken de bruorren net gau oer útpraat.
Allyksa koe op 'e bierbanken fan De Gouden Helm him soms praat ûntjaan dat de tiid koarte. Waard der ûnderinoar hottefile oer de tadracht of it krekte jier fan in foarfal, dan wie it almeast Sape Selsma dy't mei syn izeren opsluting de arbiter spile. Sa wist er feiten rjocht te setten as immen al te slim stâlde oer de terjochtstelling fan Sicke Frearks, de Oerdoper, dêr't de hiele stêd fan opskrille wie, om't nimmen kwea by de snider socht hie. In oare kear joech immen heech op fan it wûnderdwaande Marijebyld yn de Sint-Vitus, oan wat in sweager, lid fan de skutterij en ferwûne troch in ketsende haakbos, syn libben te tankjen hie, in ferhaal dêr't myn hospes ferachtsum de skouders by ophelle. Bare nij hearde ik op by in
| |
| |
oar sterk stik oer it losse houten hantsje fan de Madonna dat wol by kreamfroulju lâns reizge om dyen de koarts ôf te nimmen. Oan it gegrâns en skealik gemompel fernaam ik lykwols, lang net elk fan it omsittend laach leaude mear oan de wûndermacht fan reliken dy't weistoppe hieten te wêzen yn de maagdelike rêch fan dat alterstik.
Sa wurke dy wintertiid mei om my mear sicht te jaan op wat dizze stêd en har bewenners beweegde. Hoe grutsk, betocht ik, wie it gros fan dizze boargerij op alles dat Ljouwert klank joech nei bûten, hoe beïveren se har om my, noch altyd in nijeling, dêr stalen fan op te dissen. Mar der wiene ek tiden dat de taap hol en leech bleau en ferfeelsumens my al ier tusken de slieplekkens jage.
Op sa'n jûntiid - ein fan in dampe, treasteleaze snein - wie ik efterhûs nei de stâl stutsen om myn rydhynder in pear hantrekken te jaan. Lang hie it nachtlik rûzjen oanhâlden dat de tei beselskippe hie, my suver al bewend as ik op myn keamer de sliep socht. Mar no wie it stil yn it keale apelhôf, dêr't mistdrippen fan 'e tûken rûgelen. Myn bistke nokkere tefreden doe't it my mei it stâlljocht kommen seach en ik it op 'e waarme skoft kloppe. Oars as syn berider hie it blykber noch gjin langst om it frije fjild yn of de hege diken lâns te drafkjen.
Ynienen, wylst ik it stâlstrie wat opskodde, hearde ik lûd earne wei. Minskelûden wiene it, en it harke as slepend sjongen. Of wie it praten? Deastil stie ik, it ear op 'e lúster. Gjin mis op, it kaam fan boppen, fan 'e heasouder. In grap fan stalfeint Goart om my in loech ôf te sjen? It gûnzjen foel stil, gong oer yn in manljusstim, swier en donker, mar gjin wurd koe ik thúsbringe. Yn 'e goedichheid, wat koe dit wêze?
Ik dôve myn ljocht, fûn op 'e taast de ljedder en trime foar trime nimmend tilde ik hoeden it flaplûk op, earst yn it kier, doe heger. Wat ik seach sloech my mei stommens. Yn it ljocht fan in pear lantearnen siet op skammels in heapke folk. Foar harren stie in man, in boek yn 'e hân, de wiisfinger heve, en spriek op de oaren yn. Ut en troch hold er it boek by it ljocht en
| |
| |
lies derút, lûdop, wylst syn tahearders as yn stille spanning nei him opseagen. Ut dy soudershoeke wei kamen flarden fan sinnen nei my oer, wijde taal like it:
‘Ende ick sag eenen Engel afkomende uyt den hemel, hebbende den sleutel des afgronds... ende hy greep den draeck, den ouden slang, dewelcke is de duyvel ende satan... ende hy bond hem duysent jaren...’
It souderslûk trille yn myn hân. De Apocalyps! skeat it troch my hinne. Barrefuotters út myn bernetiid hiene der wol oer preke, it vulgaatlatyn omsettend foar de ûnbelêzen leek.
‘Ende wierp hem in den afgrond, ende sloot hem daerinne... opdat hy de volckeren niet meer verleyden soude, totdat de duysent jaren souden geeyndigt sijn...’
De lêzer gong fierder, leech en swiermûlich fan toan. Ienkear bewend ta it healtsjuster koe ik de man skerper opnimme dêr yn it ljochtrûn fan de lampe, syn stoppelburd, syn koalswarte eagen. En ynienen wist ik it..., dy hapering yn it lûd, dy feale klean... Wrychtich, dit wie de persoan fan de Lange Piip en fan Fiswert! In foargonger dus, lieder fan ôffalligen, fan sakramintariërs, anabaptisten of hoe't se hieten. Mar dan wie wat ik hjir seach ien fan dy ferbeane byienkomsten, dêr't yn 'e stêd wol fan grute waard. By alle santen, koe dit hjir samar? It antwurd krige ik doe't ik tusken de tahearders frou Baef ûntdiek, reafalliger noch as oars, knikkend nei de sprekker.
Oerlangsum liet ik it lûk sakje en wachte de dingen ôf yn it tsjuster fan de stâl, beskûl efter in hynstesket. Der wie gestommel fan planken, stappen kreaken oer de soudersflier. In plak ljocht foel fan boppen en ien foar ien kamen se de ljedder del, de froulju bystien fan it manfolk. By de útdoar stiene se no byinoar op, fûstkjend sûnder wurden mei de foargonger, in kloft skouwe fûgels. Ien frou yn roudracht hold de man langer by de hân beet.
‘Gjin freze, suster, gjin noed,’ hearde ik him sizzen mei dompich lûd. ‘It bloed fan Sicke, jo man, hat net omdôch floeid. Hy hat syn troane al ynnommen, syn wyt kleed al oan,
| |
| |
kroand mei hearlikheid. Mei gauwens is er mei ús yn it Ryk fan de Tûzen Jier. Gjin triennen, suster, gjin triennen. Jo witte no wer wat it Wurd ús leart, dy tiid is nei-oan.’
Hy aaide de frou oer wang en foarholle, ear't er mei har en mei frou Baef as lêste de stâl ferliet, de dampe nacht yn.
Nei de kant fan it Ruterskertier skoffelen fuotstappen dy't hurd weistoaren. Ik stie noch in skoft yn it tsjuster, amper fan myn ferbazing bekommen. Dit wie dus it folk dêr't de gouverneur en syn hantlangers de jacht op iepene hie. En, kaam it by my op, dêr't de lange Burmania, hoe dan ek, mandélich oan hiet te wêzen. En dat frou Baef..., dat de Selsma's... It woe noch net yn my del, mar wol begriep ik, dat ik no dingen wist, nuodlike dingen, dy't ik net witte mocht, dy't bloed kostje koene.
Letter op 'e jûn ripe ien foarnimmen by my: ik woe méár witte, ik moast Christyn hjiroer te wurden.
De earste kear-twa dat ik de Skotstrjitte beneikaam slagge it net en sprek Christyn ûnder fjouwer eagen, mar doe't hja my op in jûne ynliet en my sei dat de master just de sliep hie, folge ik har rislút nei de koken. Undersykjend, mar net ôfwarrend, seach hja my oan.
‘Wie der boadskip, Cornelis?’
‘Ik hie boadskip, ja, oan dy. Ik wol it kwyt en do bist de iennichste...’
In fleachje fan read triek har oer de wangen, as eange se oansjitskens fan myn kant. Doe't ik lykwols op 'e tekst rekke oer wat my de sneintejûns oerkommen wie, wie se yn in omsjoch wer harsels. Foarsichtich fernaam ik nei,de sniderswiddo en har petear mei de foargonger.
‘Ja, dat wie Swobck Sniderske, dat hast goed heard. O, se mist har man sa, it earm sloof. Mar se fynt treast yn de Skrift, lyk as ik, har leauwen hâld har oerein.’
Ik woe noch begjinne oer de preker, wa't er wie en hoe't er bestie, mar ik smiet it oer in oare boech.
| |
| |
‘It die my nij, Christyn, dat ik dy dêr net sjoen ha.’
In tantsjen wie it, in dryste set, mar hja ferblikte net.
‘Myn plak hie dêr ek west,’ sei se, as moast se har frijpleitsje, ‘mar master Van Aaken wie net halich, dat ik woe my net fan hûs jaan. Takomme snein hoopje ik wol te kinnen.’
‘En as ik dan ris meigong?’
Benijd seach se my oan, oerrompele fan de fraach.
‘Dosels? Fansels, it soe my, it soe de foargonger oanstean, dat wol. Mar wit wol, wat der efterwei komme kin. It gefaar, hast dêr oan tocht?’
Willemoeds prate ik oer har warskôging hinne.
‘Ik haw neitocht. En ik kaam út by dit wurd: ûndersykje alle dingen en behâld it goede.’
Hja knikte, in glimke fan ferstean om 'e mûle.
‘Dat is út it Wurd,’ sei se, ‘mar do bist gjin apostel, gjin Paulus, tink dêr om. Mar sa net, ast komme wolst, nimmen sil dy keare. En ik betrou dy, dat witste.’
Sa siet ik de sneintejûns dêrop tusken dat heapke heilbegearigen, in nuvere nije ein yn 't bit, de holle fol twastriid. Wie dit myn wei wol? Stie ik net tsjin mysels? Wat óárs as langst nei Christyn hie my fitere om hjirhinne? Mar nee, der spile ek nijsgjirrigens mei ûnder, it lokjen fan it ûnbekende, it ferbeane, mei dêrby balstjurrichheid tsjin de plakkaten fan Toutenburg, dy't my al lang tsjinstiene. Lichtwol, betocht ik, stie der op myn holle no ek in priis fan tweintich caroli's, oefte foar Pier Poehei en syn oanbringers. Wylst it idee by my opkaam, koe ik it laitsjen amper litte.
De deis tefoaren wie ik tsjin frou Baef begûn oer myn plan om hinne. It goeminske, it wie te sjen, ferblikte, rûn hurd by my wei, mar letter kaam se en lei my de hân op it skouder. ‘Master Cornelis, wit wat jo dogge, al is it yn myn hûs. Dit mei net fierder, pas op. De dea fan Sicke-baas is te wille genôch. Myn man seit, se wolle op it Blokhûs mear bloed sjen en triennen. O master, dat jo dit witte!’ Net sûnder wat stille wille hie ik har
| |
| |
tasein om te swijen as it grêf.
It wie Christyn dy't my op dy stâlsouder yn 'e kunde brocht mei de bleke foargonger. Syn namme wie David Joris. Fan ús moeting op Fiswert ferline simmer like er ûnkundich, alteast, hy liet him neat skine. Hy neamde himsels tsjin my de gesant fan Melchior Hoffman, de profeet dy't yn Straatsburg it kommend keninkryk fan Sion tarette.
‘Straatsburg? Sion?’ Unnoazel moat ik him oansjoen hawwe. De man liet syn gleone eagen oer my gean, skattend, wantrouwich.
‘Ja dêrsa, seit Melchior, stiet ús skielk de Arke fan it Behâld. Dêr wurde de skiepkes Christi sammele, dy't de knibbel net bûge foar Baäl.’
Moedsum en ôfbiten kamen de wurden derút, dan wer mei dûbele tonge as by in dronkeman. Ik seach him nei de mûle en David Joris krige erch.
‘Jo ha niget oan myn spraak? No, jo meie it witte, sjoch mar wat de mispapen fan Delft, dy goddeleazen, my oandien ha.’
Hy spjalte de mûle wiid iepen, wiisde. Oer de hiele langte fan syn útstutsen tonge rûn in djippearse groede.
‘Dêr ha jo it bewiis, jonge broer, dêr haw ik de martelpriem trochhinne hân. Trije dagen en nachten, nagele oan de stedskaak. Mar de Geast droech my as op wjokken troch dy hel, ik haw my losskuord, bin wûnderlik útlaat út dat tsjinsthûs fol Belialsbern. Bliedend bin ik weromkeard nei de skiepkes fan Syn weide, dy't it merkteken fan de Babelhoer ôfskodde hawwe. Loksillich, bruorren en susters, al dyjingen dy't oannimme it teken fan de nije doop, de wiere werberte...’
It wie as hie de man gjin erch mear yn my. Syn wurden glieden oer nei in oanspraak tsjin it folkje dat om him gearskikt wie. It joech my tiid en talis om ûngemurken ris om my hinne te sjen. Mei de holle op side siet frou Baef dêr; slûch lantearneljocht wjerspegele yn har apelwankjes, njonken har de sniderswiddo, de betrienne eagen opslein en devoot knikkend by elk wurd dat de preker útbrocht. Tusken de rûge koppen fan manlju,
| |
| |
droechskearders en skips jagers sa te sjen, ûndiek ik de glânzige troanje fan stalfeint Goart. Dy hjir ek? Hy knikte my ta, as stie myn oanwêzichheid him oan. Mei de holle foardel, de hannen yn 'e skerte siet Christyn mank de froulju, no en dan as ûnrêstich ferskikkend en taastend nei it sintandryskrúske oan har hals. Om in leaf ding soe ik witte wolle wat der omgong efter dy hege, keine foarholle.
As in donker foarspoek tyspele it beweechlik skaad fan David Joris tsjin de dakspjirren. Mei de hân op it bibelboek skildere er syn gehoar de paapske wrâld, kundige har ûndergong oan yn fjoer en swevel, rôp elkenien op om dizze poel fan ôfgoaderije farwol te sizzen as de grutte tiid dêr wie. Hy gisele de rike kleasters dêr't bûk en ears fergoade waarden, ferskold de ôflaathannel mar teffens de Hosty, opdroegen fan drompelslipers dy't it bestiene om ek de earmsten de lêste duit út 'e bûse te preekjen. En dat om de falske gloarje fan har optoaide timpels yn glâns en blâns te hâlden.
Ferbylde ik it my, dat er by dy lêste wurden nei my seach?
‘Mar godlof!’ fear de man fuort, ‘der is behâld foar de 144000 dy't fersegele binne. De balling fan Pathmos hat se sjoen yn 'e geast. Mids de martelers, waans bloed de Grutte Hoer dronken hat, sille se sitte op troanen, klaaid yn wite klean, it teken oan de foarholle. Mar de Frjemde Frou, sêd fan weelderigens, dy't yn poarper en skarlekken sit oan de wetterstreamen, dy sil oardiele wurde! Melchior, ús profeet dy't my stjoerd hat, sprekt yn tongen en leart ús: de tiid is fol, wy sille de wynparse fan Gods grime traapje, de paapske sakraminten skimmelje yn har monstrâns! En tûzen jier, harkje, tûzen jier sil de Satan bûn wêze yn dy stêd mei tolve fûneminten. Straatsburg, bruorren en susters, is dat Sion, dêr komt er del, de nije himel, de nije ierde...’
David Joris like syn swiermûligens oerwûn te hawwen, swypke himsels op, wite skomstipkes ferskynden yn syn mûlshoeken. Hy blêde wer yn it Boek. ‘It is no it jier fan de ferjildingen, hjir stiet it beskreaun. De profeet fan de âlde bedieling
| |
| |
tsjûge it al, de Heare Sebaoth hâldt rjochtdei. Babel sil falle. Syn beken sille yn pik feroarje, reiddomp en nachtûle sille it erflik besitte, gieren sille dêr gearboskje, yn syn paleizen waakse mei gauwens toarnebosken, yn syn stinzen brânnettels en stikels. Leave sielen, ik haw in liet foar jimme meinommen. Harkje!’
Ut syn skurve tabbert helle David Joris in boekje foar it ljocht en begûn derút foar te lêzen, stadich, rigel foar rigel:
De HEERE sal allen vogelen syn maaltijt bereyden...
Te Bozra ende Edom so ick las...
Vant vleysch der princen ende der Koninghen beyde...
Kompt alle ghij vogelen versampt u alrasch...
Wilt u van der landtsheeren vleysch voeden...
So sij deden wort hen gedaen...
O Ghij knechten des Heeren sijt vrom van moede...
Wascht u voeten in der Godlosen bloede...
Dit loon sullen onse roveren ontfaen...
Ik koe net langer opnimme wat der folge, besaude my oer it bloedtoarstige fan dit kreupelrym, dit bittere brousel fan hate en niid. Wêr't hjir ta opstokele waard, wie it oars as ta moard en deaslach? Wist sa'n skombekjende dweper wêr't er it oer hie? Meilijen bekroep my mei de ienfâldigen om my hinne, sykjend om sieletreast, wis, gnjirde troch papetwang ek, mar waarden hjir gjin nije slavekeatlingen smeid, dy fan blyn geweld? My kaam Wigle fan Aytta yn 't sin, dy't it hân hie oer it ferlet fan in nije Bernardus of Franciskus, om de kleasterlike augiasstâlen te reinigjen. Hoe fier wie dat hjir te sykjen! Hoe fier te sykjen ek de driuw nei dat iere Kerstendom, dêr't Erasmus it paad foar sljochtsje woe! En koe dit it wêze wat de rebel fan Wittenberg beëage doe't er de Vulgaat iepenbriek mei de taal fan it folk? It woe min yn my del. Dizze David Joris, niis hie er himsels de tredde David neamd. Wat miende er dêrmei? In bline liedsman fan blinen, dat hie better west.
Want wat wie er óárs?
Wylst ik mei de oaren de stâl ferliet skode ik kwânskwiis nêst
| |
| |
Christyn, rûn mei har op nei it sydpoartsje oan de strjittekant dat Goart foar ús ûntskoattele. Yn it ljocht fan it lantearntsje dat se by har droech seach ik har wangen gloeien, mar de eagen hold se betochtsum delslein. O, ik woe har wol ûnder de fragen bedobje, bea oan om har thús te bringen, mar hja sloech it beret ôf mei te sizzen, it soe te folle each jaan. Om ús hinne stie de tinne damp fan de winterjûn.
‘Ien ding,’ trune ik hastich, ‘wat seist fan dizze David Joris?’
Hja wifke efkes, seach my doe wat skruten - of wie it beskamsum? - oan.
‘Hy is gjin Melchior, lit stean in Luther. Mar ek mei in kromme stôk wurde wol rjochte slaggen jûn.’
‘En dat Straatsburg dan? Leausto oan Straatsburg?’
‘Ik leau oan de werkomst fan de Hear op 'e wolken,’ sei se dimmen. ‘Wêrom soe it dêr net wêze kinne?’
Hja loek de mantel stiif om har hinne en stoep, it lantearntsje foar har út hâldend, de Nijstêd op, ferdwûn yn 'e mist. Ferbouwerearre sleat ik de poartedoar, mar it fielde my oan, as wie hjá it dy't him foar myn noas tichtklapte.
|
|