| |
| |
| |
VII
It beslút fan it kapittel om de tuorrebou troch te setten hie de drokten op Aldehou wer yn 'e âlde fâlden brocht. Net sûnder pine yn 't moed en heal tsjin wil en tank hie Van Aaken it mitselfolk opnij de stegers opstjoerd.
‘Dy't net oars wol, dy't net oars sil.’ It wiene wurden dy't ik him grommeljen hearde as er de loads ferliet om de leadmaster syn konsynjes te jaan. Alles like op it each wer te'n goede keard. De houwers kappen warber fierder oan har pinakels en pilasterblokken, dêr't wy de mallen foar tekenen. Boppe de driprâne fan de ûnderste omgong waarden farske stienlagen wetterpas yn 'e kalk flijd en de sânstiennen draaitrep riisde mei omheech, tree foar tree. Fan it Wilaarder tichelwurk foeren nije frachten bakstien troch de Flietster wetterpoarte, glieden by ús foar de wâl om lost en fersleept te wurden.
Dat duorre, oant yn it earst fan Haaimoanne it wurk leafst in wike lang op 'e rêch kaam te lizzen. It wie Visitationes Mariae, it wenstige stedssimmerfeest, dat de Ljouwerters beneamden as Us-Leaf-Frouwe-Omgong. Wiidbekende prosesjedagen wiene it, dêr't clerus en froedskip de hannen foar gearsloegen en ek smiten folk út de omkriten op tasette. De wyks tefoaren al kundige it barren him oan. De alterbetsjinners fan de Sint-Vitus liken op te bieden tsjin dy fan Nijehou en Hoek om it oansteand Besiik fan Marije de nedige glâns en blâns te jaan. Ut de eastlike sânkriten kaam in preamfol ikeleaf en bloeiseltûken ta fersiering fan skip en koar. Kearsedraaiers slieten protten fan har waar by de tsjerkedoarren, gildemasters rûnen ek op Aldehou de drompel plat en lieten de vikarissen yn it fóár bysûndere missen lêze.
| |
| |
It kosterke fan de Sint-Vitus skrepte foar twa. Protteljend kaam er in kear by my rinnen en beklage him dat de hearen fan Papenastins it al te folle op him stean lieten. Meiinoar hie men dochs de tsjerke op jins hoed en noed, of net? Net sûnder nocht oan ûnnocht hearde ik it mantsje oan. Vanitas vanitatum.... Ik hie oanstriid en jou him dy vulgaatspreuk te rûken, mar doe't er de jûns foar de feesten my útnoege om syn fersierkeunst yn eagenskou te nimmen, koe ik min neesizze.
It skimerige tsjerkje mei de logge rûnbôgen kaam my noch foller temjitte as okkersneins. Wat opfoel wie, dat de moassige rook fan gildefindels en oerjierrige alterkleden ferdreaun wie troch blomte fan alle kleur en geur; it roek dêr as wie men yn 'e tún fan Ayttahûs. Bylden en retabels stiene yn krânsen fan grien en yn it sydkapeltsje hiene fromme hannen it ferneamde Marije-alter der suver ûnder bedobbe. Mei grutskens wiisde it kosterke my op 'e flier yn it skip, dêr't er de sarken belein hie mei glânzich ikeblêd. En rûnom kearsen, grut en lyts, klearset om koft en oanstutsen te wurden. Gjin sant sa lyts, betocht ik, of hy kriget syn waaks. Freedsum stie de brúnhouten Memme Gods, opwreaun foar de prosesje fan moarn, it oan te sjen, as die it Har nij dat Har famyljebesiik nei fyftjin ieuwen noch sa'n omstel meibrocht. Hjir soene dus, salang't de Omgongsdagen duorren, de mei kwalen besochten delknibbelje, kearskebaarnend, de sike dielen toanend oan de Himelske Jonk-frouwe, dy't yn har rêchskryn sokke wûnderdiedige reliken hiet te ferbergjen. Soe ien fan harren baat fine?
Earne wei kaam in lichte wjeraks yn my op. Of wie it meilijen mei simpelen dy't ferhelp sochten foar wêr't gjin ferwin op wie? Ik krige de kâns net en jou my rekkenskip, want de koster hie it al wer oer hiel wat oars. Djip ferûntweardige treau er my in papier yn 'e hannen, dat er de moarns fûn hie, fêstneile oan syn tsjerkedoar. Unferlaten moasten by nacht it stik bestien hawwe. In pamflet wie it, seach ik, in spotliet op bycht en absolúsje, primityf fan taal en foar de helte ek noch Latyn of wat dêr op like.
| |
| |
Als gij syt lyeff myt leef, pauca loquamini
Clopt hoer hals, tast hoer burstys, et osculamini
Stycht daerop _ in nomine Domini
Hyt wart wal vergeven _ si confitemini
Tusken tomme en finger en mei de noas oplutsen naam it kosterke it flardsje fan my oer. Wie dit net troch alles hinne? Leau mar, hy soe it magister Pier aanst bringe, dan koe dy der wurk fan meitsje. Dat hie men no mei al dat frjemdfolk yn 'e stêd. Eigen Ljouwerters soene soks wol litte, wat jo, master Cornelis? Ik skodholle mar ris, priizge de man om syn brave foarnimmens.
Ek bûten Aldehou oppenearre him yn 'e stêd de taris ta it jierliks heechtij. Ut de Latynske Skoalle klonken gauris jongesstimmen dy't oefenen op 'e ferplichte prosesjehymnen; in pear kear teach de kloft nei de Sint-Vitus om foarpriuwkes te jaan fan har sjongkeunst. Skutterijfolk seach men jûns drokker as oars nei de Doelestege stekken en tsjin de bûterwaach, skean foar De Gouden Helm oer, wie in stellaazje timmere; dêr soene nei wizânsje de Rederikers har ‘fertoaninge’ jaan. By de ealmanshuzen en keapmanswenten waard drok skrobbe en plaske mei djipswetter; guon gevels wiene al mei slingers behongen, tekkenwurk mei hillige foarstellings soeike hjir en dêr oan de stoepluiven. Skûtsjes, ynhelle troch de jeugd, leine yn 'e binnegrêft, befolke mei merkereizgjend folk dat wantaal prate en har dobbeldiskes en rifelkreamkes opsette oan 'e wâlkant. Donkerhierrich froufolk mei ringen yn 'e earen sutele mei snypsnaren en swietekau. Om de eigen bakhuzen hinne hong oerdei in fettige oaljerook.
Alleman like de omgongskoarts skipe te hawwen, útsein dan de kleasters. Dy bleauwen eilanen fan lykmoedige rêst: dat fan de Bûnte Papen by it Skuonmakkersperk mei syn swiere túnmuorren, dat fan de Minderbruorren oan de Twibaksmerk, mar ek it lytse konvint dat de Wite Susters taskikt wie op Cammingha-hoarne oan de eastein fan de lange Tsjerkstrjitte.
| |
| |
Besletten leine se yn har krúsgongen en krûdehôven; it iennichst teken dat se de boarger joegen wie it sedich geklip ta metten of fespers. Allinne de Grauwe Beginen, minder bûn oan eigen behuzing, seach men ek no oer de stêd pander jen, op wei nei in kreamwiif of in sike lijer.
Ik siet dy earste Omgongsdei noch oan de moarnsbrogge doe't foar De Gouden Helm lâns al folk begûn te rinnen. It duorre net lang of de trije lânpoarten begûnen har bingels te roeren ta'n teken dat ûnder de prosesje de doarren ticht kamen en stie it op 'e Nijstêd rûch fan nijsgjirrigen. Bern krongen tusken de grutten troch dat op nei de Frouwepoarte om it begjin net te missen en oan wjerskanten fan de grêft joegen de nearringdwaanden har del yn 'e stoepe, wis fan it moaiste sicht. Fier foartiid wiene der al lju - de ‘kwezels’ sa't myn hospes har neamde - nei de Sint-Vitus tein om de wijing fan de staasje by te wenjen. Ik hie begrepen, by it heechalter soe de omgong útein, besprinkele mei wijwetter, om dêr letter ek wer ûntbûn te wurden.
Ik makke minder haast. Wylst ik my op de Lange Piip mank de mannichte joech, wat efterôf, waard by it Burmaniahûs de kop fan de stoet just sichtber, in spoar fan blêdgrien en klaver folgjend dêr't de Nijstêd mei bestruid wie. Foarop fjouwer trompetters, klaaid as herauten, dy't lûd sketterjend rom baan easken. Dêrefter boargemasters en froedslju yn fol ornaat, it stedswapen op har tabberts, op 'e foet folge troch de skutterij, stadich fan stap, de oerjierrige krúsbôgen en helleburden oer it skouder. Jongere skutters smieten efter de rêch fan har hopman loddereachjes op omsteand fammeguod, dat elkoar laitsjend oandúste, oant âlderen de bleien fergen om stil te wêzen. Dy stilte foel pas by it foarbygean fan de Latynske Skoalle, de rektor yn toga en baret, de pupillen yn hagelwite koarklean, de hollen bekrânse mei kleurlinten en yn elke hân in alterkears. Regina coeli... De ile jongesstimmen harken fyn as piipmuzyk.
It wie op dat stuit dat ik yndachtich waard op in manspersoan
| |
| |
nêst my. Hy droech in feal-fersliten paltrok, hie in hoed op dy't him djip foar de eagen hong. Bonkich en skraal like er as in barrefuotter yn 'e Midfêste. Syn bleek foarkommen hie wat strangs, wat dweperichs as fan in boetepreker út myn jeugd, mar út wat er bepreuvele wylst er de stoet mei ûlseagen opnaam koe ik net folle opmeitsje. It koe my misse, mar ik miende soks te ferstean as ‘Babel, Babel’ Troch de rigen foar my rûn no in earbiedich gemompel.
‘It Sakramint! Us Hearke sels!’ hearde ik om my hinne.
Heech op in platte wein, lutsen troch twa optúgde kedsjes, pronke ûnder in baldakyn fan fluwiel de sulveren monstrâns mei de Hillige Hosty. Om 'e wein, yn har kasufels fan goudbrokaat, it legerke prysters dat de trije stedsparochys ryk wie, hear Fedde fan Aldehou foarop, dy't de hege krússtêf tilde. Soms weve dy hinne en wer as de drager yn in ûnsichtbere strjitkûle stapte. Foarenoan sakken de omstanners troch de knibbels, sloegen in krús, bûgden de rûge koppen út earbied foar Him dy't foarbyglied.
De man nest my stie dêr't er stie, hie gjin fin ferroerd. Ik skode in heal stap nei foaren, seach ûnder de flaphoed in pear gleondonkere eagen.
Der folge al in nij tafriel. Jongfammen as ingeltsjes opdien droegen op in draachskyld it byldsje fan de Leaf-Frouwe fan Ljouwert, dêr't safolle rop fan gong. Dignare me, Laudare Te, Virgo Sacrata! De sang fan de begeliedende mistsjinners makke in weach fan avemarijen los by it folk. Tusken in rêst snústerich útsjende wyfkes ûntdiek ik ynienen Griet Onbeleefd, dy't har ferearing foar de Godsmem lûd en mei wylde meneuvels útkriet.
Yn it bienbitich statuer fan de man njonken my kaam beweging. Hy skokskoudere, de lippen krôlen as yn wjersin. Doe spijde er foar him op 'e grûn, draaide him mei in hoart om en ferliet de Lange Piip, weiwurdend yn 'e mannichte.
Ik besaude. Wa koe dit wêze? Ik moast tinke oan in nachtraver út de Beier, dat bidlerskertier, mar it koe fansels ek in leke- | |
| |
broer wêze, ferballe om it ien of oar út syn kleaster. Of wie dit no ien fan it folkje, dat nachts hiet gear te hokjen yn fan dy temûke konvintikels, dêr't guon lju de mûle oer spielden?
Lang tiid ta oerlizzing wie my net gund. It Anthoniusbyld, meifierd troch proveniers út it Gasthûs, wie al foarby en wat no folge wiene de gilden. Dêr wie dat fan it Hillich Sakramint en dat fan de Swiete Namme Jesus, hoedsters fan wezen en pestlijers; dan de ambachtsgilden, riker noch befindele en beflage, de brouwers, de wevers, de sniders, de leartouwers en skuonmakkers, elkmis opsplist yn masters en learfeinten. By it timmergild rûnen guods fan ús bouwers, seach ik. Hja brochten my magister Pier yn 't sin, dy't myn patroan bot oanstien hie om mei te rinnen, mar Van Aaken hie him der ôfmakke en nei my hie de lange net taald, dat ik koe frij fan wegerjen.
In groepke famkes kaam no foarlâns, ferbûn mei blomslingers en útbyldzjend de martelereskes fan Bethlehim. Hja hearden by it tableau dat de rederikers fernimstich feguerd hiene op in wein: Sinte Elisabeth en de Hillige Maagd yn begroeting foarinoar oer, wylst boppe har nimbushollen in papieren aartsingel Gabriël sweve. Dêrefter tsien jongfammen, fiif yn it wyt, fiif yn it swart: foarpriuwke fan wat de Keamer jûn fertoane soe. Rûnom hearde ik útroppen fan bewûndering, mar it plechtige part socht no om syn ein.
Wol kaam earst noch in rychje boetelingen, in rik jende striewisp yn 'e hân. Lichte kweadoggers wiene it dy't op Petrus-en-Paulusdei fleis iten hiene of om oare pikelsûnden troch har bychtfaars ta dizze penitinsje ferwiisd wiene. Bleatfoets rûnen hja, omsleine slieplekkens ferburgen har neakenens; de koppen dimmen foardel, bang om kend te wurden. Om har hinne sprongen manlju mei helske momkapen op; hja hompten de wetskeiners yn 'e rêch, klapten ûnbarmhertich mei giselkoarden ûnder it útstjitten fan rûchrouwe gjalpen. Tusken de lekkendragers, murk ik, rûnen ek froulju mei. Soe dy sniderswiddo derby wêze, dêr't Christyn oer praat hie?
Yn 'e foarste rigen wieken omstanners grizend tebek, oaren
| |
| |
moedigen de giselders oan, Griet Onbeleefd foarop. Ut har stoepen seach it boargerfolk it glimkjend oan; guon holden lytse bern omheech, grif om dy ôfskrik yn te druien. Efter de trawanten fan Beëlzebub oan dûkelen noch in pear opslûpen potsemakkers, bûntbeferve fan troanje, en diene skynútfallen, rûnen soms in ein op 'e hannen yn 'e stoet mei.
Unfersteurber en earnstich, oertsjûge fan it wicht fan har betsjinning, kamen noch de trije poartewachters oanstappen, de mânske stedskaaien op flewielen kessens foar it liif: dy fan Us-Leaf-Frouwe yn 'e midden, flankearre troch dy fan de Sint-Jacob en fan de Hoekster, alias de Sinte-Catharina. Felle trompetstjitten kundigen it slútstik oan fan it omgongsspektakel, in tafriel dêr't alle leaflikens oan ûntbriek. Lânsfeinten fan it Blokhûs, mei helm en kuras, trêden nest in wein, dêr't in galge op timmere wie, libbensgrut en driigjend. Oan 'e bop-pe-ein hong it wjirchtou mei de strop, dy't sêft hinne en wer soeike. Op in ferheging stie de keizerlike skerprjochter, breed-út op lompene skonken, de hannen lynjend op it boalsswurd. Under syn boarstelige wynbrauwen wei seach er de mannichte kâldgnyskjend oer, net liker as socht er oanslach. Dochs waard der lake en geid, want efter him, skonkje-oer op in houten kartou, siet Minck. Minck, de nar fan it Blokhûs, bekend by elk dy't Ljouwerter hiet. Syn skonkjes omklammen de kanonloop, in stomp hantsje wiuwde nei it folk, ien gniis de brede froaskebek. Hja hiene de dwerch yn in sottepak stutsen, heal read, heal giel en mei skiltsjes oan syn ezelskape dy't rinkelen as er him as in wetterhûn útskodde.
‘Minck, Minck, rinkinkink, do gietst yn 'e grêft te sink!’ In pear opslûpen strjitjonges raasden it oer it folk hinne, trieken brike bekken tsjin him, mar it mantsje bearde as hearde er neat.
De prosesje wie foarby. Oerlangsum skoden de lêsten dat út nei it Blokhûs. Strak soe it, sa't myn hospes my ferdútst hie, oer Twibaksmerk en Nijbuorren wer op it Aldehouster tsjerkhôf tagean en fiif dagen lang soe de Us-Leaffrouwe Omgong
| |
| |
him herhelje, ta fermeits fan boarger en bûtenman.
Op 'e Lange Piip fersille njonkelytsen de mannichte. Manlju mei biertoarst stieken de herbergen yn, froulju mei bern oan 'e rokken dangelen de kant út fan it Dominikaner kleaster om dêr alles fannijs op te nimmen. Ik fielde gjin oanstriid en folgje de stream. Rjochtoarsom, in frjemde wjersin bekroep my, in besef fan ôfstân en leechte. Hie sa'n idel poppespul noch doel en sin? Wie it net inkeld te dwaan om ûnnoazelen earbied en ûntsach yn te skerpjen? Gniisde it iene net om it oare? Wie dit oars as in houten gevel dêr't de wjirm al yn siet?
Kristensielen, dat soks by jin opkaam yn in feestfierende stêd! Koe men no mar in petear oangean mei in fertroud freon, in Wigle fan Aytta, men soe sokke opstigings hifkje kinne oan syn fynbeslipe oardiel. In amerij wie ik yn 'e wille om it hynder te sealjen en ryd de stêd út, mar ik fersmiet it ek wer. Langst nei stilte hie ik, nei bespegeling en allinne-wêzen, dat ik liet de rûzige jachtweide by Selsma's foar wat er wie en naam de trep nei myn keamer.
Yn 'e beamkrûnen efterhûs ripen de earste simmerapels. Sinneljocht sille troch de beide finsterkes, smiet in sêft grien plak op it boekje dat op myn tafel lei: Wigle syn geskink. In kearmannich hie ik der al yn omblêde, yn dizze sabeare lofrede op minskene dwaasheid. My heugde, hoe't ik yn Montfoort in passypreker skande sprekken heard hie oer dit geskrift fan de prysterssoan Geert Geertsz, dy't de kleasters ferskold foar narreskippen en sels de Hillige Tsjerke hjitfolge mei syn spot. Der wie doe by sein, Erasmus hie it aai lein dat Martin Luther, dy ôffallige Augustyn út Wittenberg, oan it útbrieden wie. Dat wie ek sawat alles dat my fan de skriuwer bybleaun wie út in sermoen fol tonger en wjerljocht. Dochs wie it mear myn inerlike ûnrêst, myn ompakken mei hertsfragen oangeande Christyn, dy't my wjerhâlden hie om my yn it skiftuer te ferdjipjen. No skode dêr it byld fan myn learde freon oerhinne en de snein dat hy myn selskip wie. Hoe hie Wigle it ek wer makke? In spotfûigel dy't laitsjende de wierheid seit, ja just.
| |
| |
Ik sette my ta lêzen, yn it earstoan de holle noch fol fan prosesjebeweech en strjitrumoer, mar dy obstakels ferskimeren al ringen. Ik lies en lies, meisleept fan it linichste Latyn dat my ea ûnder eagen west hie. Hoe belêzen yn klassiken en tsjerkfaders moast dizze wrâldske mûnts net wêze om sa, skynber loswei, om him hinne te struien mei sitaten en maximen! Hoe fyntsjes wist er it flym fan de satire te hantearjen! Grif nimmen fóár him hie de oeral omswindel jende pijdragers fergelykje doarst mei baltende ezels of it skermjen op 'e preekkatheders mei dubieuze wûnderferhalen út hilligelibbens ûnbarmhertich ôfballe as boerebedroch. Al dy omballingen, dy foarmetsjinst dêr't de leek by ferklomje koe en ik my al sa faak oan steurd hie, de kearskebaarnderij op ljochtskyndei, it bychtmisbrûk fan loslippige prysters, de ôflaatrinders mei har wiskeunstige besiferingen, - neat waard hjir mijd. Wa, sa lies ik op in stuit, hat sokke goede eagen dat er sjen kin troch de tichte dize dy't de godgelearden om har theology hinne flijd hawwe? Yn 'e marge stiene by dy útspraak twa feninige útroptekens, wol in bewiis dat de wurden ek myn freon fan 'e Weaze rekke hiene.
Under de momkape fan de lof ûntdiek ik de blaam, preau de sinnen, dronk alles yn as ûnfermongen wyn, fergeat de tiid, fielde my opnommen yn in wrâld, bekend èn ûnbekend, in romte, in timpel fol flitsend ljocht, dêr't alle domme kreamerij, alle idel oanbaksel út weihoffene waard. Wiswier, in bousel wie it mei Ien as strieljend midpunt: de Kruseling fan de Calvaryberch, skeamel en grut yn 'e neakene krêft fan syn offerdea! Wigle fan Aytta hie gelyk hân, hjir lake de spot om de wierheid bleat te lizzen...
Desiderius Erasmus, ik spriek de namme út as hie er my al jierren nei bestien, as hie ik in nije master-freon fûn, dy't my oan mysels ûntdiek, in orakel dat ûnder wurden brocht wat al lang heal slomjend by my libbe hie. En dat soks yn myn tiid noch bestean koe, noch sein wurde mocht!
Oan twakear ta moast frou Baef my moanje dat myn mieltyd
| |
| |
kâld stie te wurden, ear't ik my loswynde út de ban fan dizze angelskerpe allegory. Wol tankber, betocht ik oereingeand, moast ik Wigle wêze, dy't my tagong jûn hie ta dizze kurieuze skatkeamer, dêr't ik it bestean amper fan ealge hie.
It jûne al ear't ik my de doar út joech om dochs in blink te sjen fan it feestgewoel. Fier hoegde ik it nammers net te sykjen: om de bûterwaach stie gâns in kloft boargerij dy't mei útrutsen halzen de fertoaninge folgen fan de eigen Rederikerskeamer. Ik murk, dat har útbylding fan it Spel van de V vroede ende de V dwaeze Maegden al in ein hinne beslikke wie. Deun foar de stelling tsjin de waachsmuorre wiene banken set foar froedskip, tsjerkmasters, geastlikheid. Ik telde de pastoarshuodden: de hiele Papenastins like wol útrûn te wêzen. Efteroan socht ik in steanplak, mar de parabel fan de tsien fammen, foarsteld troch ferklaaid manfolk, koe my net yn 'e besnijing krije. Doe't de fiif dwazen har ivige straf krigen yn it hellefjoer gong der in gerûs fan ferromming troch de taskôgers, mar glied dy apotheose by my del as wetter by in einfûgel. Ik trapearre mysels dat ik stie te gnyskjen doe't it bolderlûd fan Beëlzebub earne wei de slotwurden galme:
Achaij, achaije! wij gaense begecken,
Wij gaense sollen ende uutrecken;
Het sal haer jammerlic seere vervelen.
Adie! dits thende van onze spelen.
Op datselde stuit waard ik op it skouder tikke. Nêst my stie, glimkjend, de holle en wangen omsletten mei in wyt kaperke, Christyn!
‘Ek nijsgjirrich nei de fertoaninge?’
En yn ien sike, as moast se har ûntskuldigje,fertelde se dat master Jacob har oantrune hie om hinne. Sels weage er him net yn 'e drokte, nearboarstigens pleage him wer.
De stim fan Christyn rûze my as muzyk yn 'e earen. Hja siket oanhâld, gong it troch my hinne. Wat koe my leaver wêze as har selskip?
| |
| |
Mei muoite besocht ik myn blidens wat wei te moffeljen.
‘Hast de Omgong sjoen fan 'e moarn?’
‘Nee, dy koe ik misse. Mar dit hjir, dit woe ik sjen.’
It folk skode útinoar no. Oer de Nijstêd mindere it deiljocht al en boppe it wetter fan de grêft stieken rappe hannen de piktûnen oan dy't wâlkant en gevels flakkerich beljochten. Ut in pear herbergen, de luiven mei fetpotsjes behongen, klonk piipmuzyk troch de iepen doarren, dêr't it út en yn rûn. Op 'e Tûntsjepiip warde him in strjitsjonger, dy't in moardferhaal ophelle, úttekene yn tafrielen. As in lichte roes fan lûd en ljocht kaam alles oer my.
‘Kom, wy sille in slach by de kreammen lâns.’
It wie as hiet ik it har, mar hja knikte al, krige my yn it gekrioel fan minsken by de mouwe beet, mar ik griep har hân en as wie it ôfpraat joegen wy ús yn 'e folte fan Nau en Bierkelders. Alle wjerstribbigens fan niis foel fan my ôf, har neite, har waarme hân berûze my, en de feestfleur om ús hinne like ek Christyn oan te stekken. It tinne staketsel fan tsjinstberheid en plicht dat by Van Aaken thús altyd tusken har en my yn stie, like yn ien slach weifallen. Har wangen gloeiden, as in grutfanke hie se niget oan alles. Skatterjend liet se in skeisen falle yn it jildbakje fan in steltrinder, dy't as rokkedraachster optoaid him in paad briek troch it folk. By ien fan de rifeldiskes lieten wy de dobbelstiennen kantelje, mar Fortuna wie ús net genegen.
Op 'e Brol stie it swart fan folk. In gûchelder wie dêr dwaande om jildstikjes en sieraden fuort te muozjen en op 'e ûnmooglikste plakken wer foar it ljocht te tsjoenen. De man wiisde lodderich nei it slotsje mei it sintandryskrúske dat Christyn om 'e hals droech, lei har de hân al op it skouder, mar hja wiisde him mei in kwinkslach ôf. Hoe'n wille hiene de omstanners doe't de divelskeunstner it sieraad fuort letter út syn mouwe rûgelje liet en it Christyn mei in hoflike bûging oerlange.
De koekhakkerij, de wichthifker, de kreamme dêr't de rollebol
| |
| |
omgong, - neat sloegen wy oer. In skoft stiene wy stil by twa gewante knapen dy't in balkje op skouderhichte holden dêr't in tredden op omhinkele wylst er in swurd mei it skerp nei ûnderen op syn foarholle yn balâns besocht te hâlden. Efkes like it as soe de akrobaat oerwichtich wurde. Skriljend ferburch Christyn ien tel har gesicht tsjin myn skouder. Wie it eangst? Of wie it bearen? De sêfte oanreits fan wat ûnder it twange jakje beskûle siet sloech fûnken los yn myn bloed.
Oan de ein fan de Bierkelders wachte in oar tafriel. Opslûpen jonges, lûd roppend en razend, stiene om Minck de nar hinne. Boppe it folk út siet de dwerch op ien fan de putstuollen dy't de brouwers dêr op 'e wâl stean hiene, satanysk gnizend, de brede froaskebek wiid opspjaltend as er wer in kroes bier troch it kielsgat geat, dat him mei de rije hân oanrikt waard. Op in stuit knoffele er flybjend fan syn troan, opheind troch de bierboarnders, dy't oanstalten makken om de smoardronkene ôf te spielen mei modderich djipswetter. Gjin omgongswille om lang nei te sjen. Christyn loek my mei troch de mannichte dat út nei de Amelanner Piip en dêr stie ynienen Goart foar ús, de stalfeint fan De Gouden Helm. Hy like alhiel út 'e skroeven.
‘Yn it Kromme Jat,’ wiisde er, ‘dêr wurdt in stik spile... in merakel! Lakest dy stikken! Hearskip, dêr moatte jo hinne!’
Hy geide it út en ferdwûn like hurd as er opdûkt wie. Ik seach Christyn ris oan, hja lake, helle de skouders op. Under linebeammen foar in weardshûs stiene banken en skammeltafels ree foar toarstigen, dêr't wy ús tusken oare spantsjes efkes deljoegen. Ik bestelde in krûkje swiete wyn en seach hoe't har eagen de earnst ferlearen dy't ik fan har wend wie, doe't ik har de earste dronk tabrocht. In oare Christyn siet foar my oer, blierder, goederlaaks en losser fan toan. Mei graasje nipte se oan har kroes; in boartlike krol wie ûnder har kaperke weisprongen, dûnse har oer it iene wang.
Christyn, do bist moai! Hoe graach hie ik it har sizze wollen, mar dy Christyn fan earder, dy oare, makke dat ik my ynbûn. Mar sa wie se dus ek, sa hie ik har met yn dreamen as myn
| |
| |
feinteleger in woelnêst waard fol opspyljende langsten.
In wafelbakker kaam de banken bylâns. Ik hie oanstriid en keapje syn hiele sutelkoer leech, mar hja kearde it en laitsjend setten wy de tosken yn it knapperich baksel. As by ôfspraak ferlieten wy it gewoel, setten it skimerich strjitsje yn nei it pleintsje dat By de Put hiet. Hja ferstapte har yn in strjitkûle en liet it gewurde doe't ik in earm om har skouder lei. It feestfertier efter ús belytse, foar ús út stie foar de nachtloft de kolos fan de kleasterkapel, dêr't de Bûnte Papen har domein hiene, útrizend boppe de ringmuorre dy't it omfrede. Tsjin dy muorre, yn in herne dy't de Ljouwerters it Kromme Jat neamden, hie in reizgjend selskip in triaterke opset en it stie dêr, doe't wy ús derby joegen, al fol wachtsjend folk, gearstreamd út de stegen en gloppen dêromhinne. Manhaftige wiven, it hier los om 'e holle, krongen har brutaal nei foaren, grauden nei in pear sigeunerbern dy't jild ophellen. In mannich walmjende skynfetten ferljochten it poadiumke. Men seach manljuskoppen dêr't de barbier nea gjin kunde oan hân hie, sa't it skynde. Alderen, net folle mear as fodden om 'e lea, rieken de kromme, ferarbeide rêgen om wat sjen te kinnen. Foar in raffelich slútgerdyn stie de lieder fan de troep en trune yn in bryk taaltsje elkenien oan om de jildriem los te meitsjen. Potsierlik wie de man optoaid mei sjerpen en tulbân. Om ús hinne waard roppen.
‘Sjoch, sjoch, dêr hast se, it heidintsje!’
Op it ferheginkje ferskynde in jonge frou, brún fan fel en mei gitswart hier. Hja stiek de lange earms omheech, liet boppe har holle in tamboeryn rinkelje, wylst se widzjend yn 'e heupen hinne en wer tripke; ûnder it tinne kleed, leech útsnien, soeiken har boarsten útdaagjend mei. Ik murk, manfolk om ús riek de hals, de mûle yn 't kier, en ek Christyn hie der har wille om. Hja stompte my oan as in ûndogens bern.
De ‘sultan’ - sa't wy de spulbaas gnyskjend betitelen - kundige oan dat de twadde opfiering oangean soe. In eksimpel soe it wurde, in klucht nei it rûge libben tekene en bekend as De
| |
| |
Clute van Sinte Scoon-op ende Sinte Krap-sat. Hjir soe it heechfereare publyk fernimme hoe't in pear frouske graurokken in sljochte húsman mei wiif en dochter ferrifelje wolle, mar by eintsjebeslút sels smoarch weikomme. ‘Hoort, siet ende swijgt!’
It foarkleed skode no piipjend iepen. Yn in boerekeamer mei twa sliepbanken ferskine twa snústerige pijdragers, dy't iten easkje en driigje mei hellestraffen as de bewenners fan it hûs wegerje. Hja skrânzgje alles op wat de boer yn 'e hûs hat. Yn it folgjende tafriel lizze op it iene bêd de beide biddelmûntsen en op it oare de húsman mei wiif en dochter. De lêste, it wie klear te sjen, wie de sigeunerinne fan niissajust. Feintsjes nêst Christyn en my gysgobben, kreammen dûbelsinnichheden út, mar omstanners snuorren har de mûle. It boeregesin snoarket oerlûd, mar de mûntsen net en út har praat is op te meitsjen, de iene, Scoon-op, hat bestek op 'e boerinne, de oare, Krapsat, iezet op 'e weelderige dochter. As de boer fan 't bêd giet en tydlik ferdwynt flijt Krapsat him nêst de dochter del. De gasthear komt wer op, fynt it nêst beset, tinkt dat er him yn it bêd fersind hat en strûpt no by Scoon-op ûnder it tek. Dy ferlit op syn bar it bêd, siket syn heil by de mem, dy't net oars tinkt as har man is fan Amor oansketten. Nei in skoft siket Krap-sat it eigen bêd wer op en yn 'e waan dat syn broer-yn-it-kwea dêr leit, stompt er de húsman yn 'e ribben...
De taskôgers om ús hinne binne al lang net stil mear. Froulju kraaiden mei úthalen fan de heechste wille. Grutjonges raze: ‘Toe no, moffert! Sliepkop, sjochst it net?’ Mar de klucht rôle ûnfersteurber fierder.
De boer wurdt wekker, in wylde wrakselpartij begjint, mar noch hawwe de fersinnen gjin ein, want de boerinne, ek wekker no, mient dat de beide graurokken deiles binne en hiset Krap-sat wakker oan, dat har man kriget dûbeld-op strips. Yn 'e grutste heibel en betizing sjogge de beide smjunten dat se fuortkomme.
It foardoek knerpe wer ticht, no foar it lêst. De sultan, no
| |
| |
boer-ôf, ferskynde en spriek plechtich wat hy neamde de ‘Na-proloogh’:
Dit exempel gheeft ons lere:
Die hebben stouten vrouwen,
Dat si te vele niet en vertrouwen,
Noch te vele niet hanteren
Die ghene die crune scheren.
De sjerpman bûgde. Fûl waard der hantsjeklapt, guon huften inoar fan kleare neiwille op it skouder. It Kromme Jat rûn leech. De measten skoffelen werom nei har skeamele bolwurkskeamers oan Griene Wei en Skuonmakkersperk.
Troch de lange Tsjerkstrjitte brocht ik Christyn nei hûs. Stil wie it dêr, as wie der in stoarm fallen. Ut ien fan de Camminghahuzen skynde ljocht en wiene siterklanken te hearren. Ik hie it fanke foarslein om noch in slach troch de feestdrokte te dwaan, dy't wy yn 'e fierte hearden, mar hja hie myn earm nommen en sein, master Jacob soe ûngemaklik wurde kinne by langer weibliuwen. Altyd wer dy plichten! Wy kamen stoepbanken foarby, dêr't yn it tsjuster gespús wie, tsjinstfammen fansels dy't de dei mei in omgongsfrijer ôfsleaten. Wêrom wy net? Doe't ik oer de klucht begûn foel Christyn fuort yn earnstiger praat.
‘In goed ding,’ sei se koart, ‘dat sokke skoaiers yn pij ris út 'e leage wosken wurde. Ik ha se kend, al sokken. Breabidders en dea-iters neame de boeren se wol en in âld man haw ik ris sizzen heard, it binne kwea-hinnen dy't har aaien weilizze.’
Ik moast it har meistimme en die dat ek. Hie Erasmus my hjoed yn gelearder taal net itselde foarhâlden? Mar dat skerpe yn har wurden, dat bittere, wie dat no nedich nei in jûn as dizze? Wêr wie har ûnbefongen fleur bedarre? Wy stiene foar Van Aakens útdoar. Yn 'e beammen om it Burmaniahûs rûze in nachtwyntsje, in ûle kriet. Soe se my ynnoegje? Hja taaste yn har roksbûse om de kaai, draaide har nei my ta. Under it wyt fan har kaper ljochten yn 'e skimer fan 'e strjitte har eagen op, grutte riedselige finsters. Efkes like se yn bestân te stean.
| |
| |
Har fingers fimelen as ferlegen oan it sintandryskrúske, doe stiek se beret my de hân ta.
‘Myn tank, Cornelis, foar dyn selskip. It wie tige.’
Ik besocht it mei in grapke.
‘Mar dizze Krap-sat hat syn nocht oars noch net.’
Hja lake, de tosken ien wite skittering.
‘Mar dizze Scoon-op wol! Witste, dy hat ek húslike plichten.’
Ik fielde myn hert bûnzjen. Wat soe se dwaan as ik har yn myn earmen naam, myn mûle op harres lei? Soe se tajaan, har tsjin my oanflije? Of... my ôfstegerje, útlaitsje?
‘Christyn, ik...’
Har hân boarte mei de mânske kaai, sette him glimkjend op myn boarst en draaide him om as sleat se in doar.
‘Lit it op 't slot bliuwe dêrsa,’ sei se sêft, mar beret. ‘Dat is better. Oant sjen, Cornelis, en rin noch ris oan.’
Heakke der dochs wat yn har lûd, trillen har de hannen? Hja socht en fûn it slotsgat, izer knarste op izer. Yn it doarkezyn stie se no, ien earm as yn ôfwar heal omheech.
‘De master sliept al, rekkenje ik,’ hearde ik har lústerjen. ‘It wie moai, dizze jûn. En no, sliep wol.’
Hja ferdwûn efter de doar, opnij knarste izer op izer, in wanlûd yn myn earen. Efkes wie it as mealde de grûn, de stoepe, de hiele Skotstrjitte om my hinne. Hie ik trochbite moatten, har oerrompelje? Moast ik my samar ôfsâltsje litte as in healwoeksen bloarre?
Mei it moed fol twastriid en spitigens sette ik ôf nei de Nijstêd. Christyn, yn 'e godsnamme, wa bisto yn grûn en wêzen?
|
|