| |
| |
| |
IV
Dy earste wiken te Ljouwert skoden as in skaad foarby. It my derby jaan, de oanpassing oan dit nij fermidden, it bekend reitsjen mei minsken en tastannen krige dûbel sin en doel as ik betocht dat ik winliken krekt pasier hjirhinne slagge wie om de master by te stean en wurd de tsjinstuiten baas dy't op syn holle delkommen wiene. Nei dreech berie en oerlis mei my hie Van Aaken besletten om it mitselwurk tydlik stil te lizzen en hiene wy de bouwers oan it stienbekapjen set. Oan de stegers lieten wy nije oplangers oanbringe, wylst de leadmaster oansizzing krige om alle mitselprofilen sekuer by te stellen. Fansels waard der ûnder it wurkfolk mûskoppe, der wie wat te rêden mei de toer. Hoe soe soks ek stil bliuwe mei safolle minsken op it boustee, alle dagen wer! Sels it kosterke fan de Sint-Vitus, in nijsgjirrige praatmûtse, like lont te rûken, want yn liddige oeren strúnde er wol oer de pleats en besocht dizze en jinge út te kloarkjen.
Dat der kwea geroft troch de stêd rûn fernaam ik in kear oan de stalfeint Goart, dy't it wer ris mei de gek besloech en sei heard te hawwen, de nije toer soe skean oer bolwurk en grêft komme te hingjen, in needhelp foar nachtlike frijers om de stêd út en yn te slûpen. Fansels, healwiis en ûnnoflik praat, dat ik Van Aaken mar net oandroech. Mar yn De Gouden Helm hearde ik út en troch jûns op 'e bierbank guods grommeljen oer lean nei wurken en oer in godsoardiel, lammentearjende boargers wiene it dy't mei spyt en wryt tochten oan de carolusgûnen dy't har út 'e bûse tinge wiene.
As ik moarns op it wurk kaam wie myn earste reis nei de sichtneil, dêr't ik dan de master al oantrof, kuerend, mjittend,
| |
| |
rekkenjend. Wrychtich, it hie derfan dat de setting by de noardwestlike bearen it djiptepunt berikt hie! Ik koe fernimme hoe't it Van Aaken wat opfleure; syn lûd harke minder heas, de eagen kaam suver wer wat gloede yn, al like syn droege kich min bedarje te wollen.
Oanrin fan it kapittel krigen wy ek. Boargemaster Sierxsma kaam mei fjouwer man del en woe alles en noch wat witte. Moarns as de sielmissen derop sieten makken de beide boupastoars fan Papenastins kwânskwiis in boadskip; tagenegen knikkend hearden hja ús befiningen oan, fêst oertsjûge dat de stedspatroan him ferbidde litten hie om in ramp te kearen. Sels kommissaris Martena ûnderbriek dy dagen syn fisitaasjereizen nei it plattelân in kear, naam Van Aaken apart om te fernimmen hoe't it derby stie: foar ús in bewiis dat it geroft al trochsipere wie nei it Blokhûs.
In pottegnuver by de dei lâns waard no magister Pier. Troch it efterpoarts je fan syn bemuorre stinstún wie er yn in hoannestap op it Aldehouster hôf, dat ear't men der erch yn hie bearde syn bolderlûd oer de pleats of stie er al nêst jin. Liet er oars nei it hjeljûnslet de deihieren meast útbetelje troch syn prokurator, no kaam er sels fanwegen, rinkeljend mei de braspinningen as hie er in team hinnen te fuorjen. As it heal koe hold Van Aaken him út ús tekenloads wei, mar soms stie er ûnferhoeds oer de flier, lûdroftich, wiisnoazich, in Nemesis yn it lompene. My neamde er noch steefêst Secundus, in hiërarchyske oanspraak dêr't ik skjin myn nocht fan krige. Wannear't er him mei in mûle fol lekepraat bûgde oer ús ûntwerpen, koe it beslaan dat men it wynfet roek, syn trouste freon, sa't Van Aaken it neamde.
Njonkelytsen waard it my klear, ús hiele bouwerij wie de man in saak fan eigen eare en gloarje; wat him dreau wie foar alles om de eallju út de oare espels, de Cammingha's, de Minnema's, de eagen út te striken. It foel op of it foel del, yn 'e groei fan it stedsgehiel soe dat fan Aldehou de boppetoan fiere, dêrfoar waard alles op haren en snaren set.
| |
| |
Dêr koene, hearde ik al gau, ek de ûnsfeinten en klaaifierders fan meiprate op it tichelwurk fan Wilaard, in healoere geans bûten de stêd, dêr't ús lange albestel him, it Fliet út, tydlingswei hinnefarre liet en foar master opslaan miende te moatten. It folk neamde him dêr - ja, efter de hân fansels - de Hûnegiseler fanwegen it swypke dat er altyd by him hie en dêr't er himsels by it rûngean mei tsjin de learzens tikke. Net minder sprekkend wie de bynamme dy't it folk op 'e boupleats him tatocht hie: Pier Poehei. Botwei koe er laitsje om eigen grappen, klienearjend faak, mar ek wol priken him oare breakrommels en stie er út te farren tsjin preamlossers en al sokken as soe de wrâld spjalte. Ienkear hie er in ûnfortúnlike stienbikker dy't kreupele fanwegen in aksedint mei in swiere pilaster sûnder in oartsen lean nei hûs stjoere wollen, mar dêr hie Van Aaken in skoattel foar strutsen. Grânzgjend hie er belies jûn. Bysûndere niget, murk ik, hie er oan de komelkersdochters út de Bûterherne, it fammefolk dat melkerstiid lânskaam; it koe barre dat er in glei praatsje makke en de gleonsten it swypke oer it efterst helle, sadat se keakeljend fuortstoden.
Wiene wy tegearre yn 'e loads, dan hie master Jacob wurk om syn wjeraks tsjin ús bouhearre te ferbergjen. Sa kaam ik te witten, hoe'n hekel er hie oan de oanwenst fan Burmania om him op sneontejûn yn 'e Skotstrjitte op te sykjen en dêr syn boumasterslean mei gâns omstel út te betel jen. Al hie Van Aaken him te ferstean jûn, soks koe ek op it wurk barre, de man skynde dit fertoan fan macht net misse te wollen. Want wat wie dit oars as temûk machtsfertoan? Op in kear frege ik master Jacob dernei. Hy swijde in setsje, ear't er sei:
‘Och, macht, macht, ja dat faaks ek wol. Mar dochs, Nelis, binne dat de boer syn guozzen net. Hawar, oan dy wol ik it wol kwyt, it is Christyn, myn húsfroufaam. Dêr hat er it op foarsjoen.’
Ik stiek de earen op, sadree't dy namme foel.
‘Op... eh... Christyn? Hoesa dat?’
‘It fanke siet dermei. Hy wol, hat se my sein, dat hja my de
| |
| |
tsjinst opseit en dat ik oars omsjoch. Nei de stins wol er har helje om by him en syn hear-om Upcke oer it húshâlden te gean. Earst prate er der op om, mar no liket er al jild bean te hawwen.’
‘En Christyn sels? Hoe stiet dy dêrûnder?’ Ik frege it sa igaal as ik koe.
‘Hja hat it op berie, ik leau, skjin oan mei syn geplomstryk. As it syn tiid fan kommen is slút se har op yn har koken, mar moat se in hantaast dwaan yn 'e keamer, dan sit er har yn myn bywêzen mei eagen as in falk op te nimmen. Ik haw it fanke foar him warskôge, al haw ik alle praat mar net oerbrocht.’
‘Giet der praat oer him?’
‘Och, men heart wol ris wat. Ien fan ús mitselers liet him ris ûntfalle, der wie gjin stinsfaam dêr't er ôfbliuwe koe. Oan twakear ta moat sa'n jong ding mei it pak thúskomd wêze. Soks wurdt dan mei in pongfol jild bemantele en in earme skobbert draait der foar op as skandekker. Quod licet Iovi non licet bovi, dat is de rekkenkeunst by sokken.’
Heal berêstend, heal bitter kaam it Van Aaken ta de mûle út. Ik fielde my ûnder syn wurden hjit en kâld wurden. Soe Christyn dan samar argeleas yn dy fûke sile? Wiene der gjin oaren dy't har riede koene, folk fan har, kunde?
‘Sa't ik dy sei,’ hearde ik Van Aaken sizzen, ‘hja moat in wees wêze, in papedochter út ien fan de doarpen, prate de proveniersfrou dy't har bestelde. Mar dy hie har oerkrigen fan de fader út de Beier, wist ek it measte net. Ienkear haw ik ris pinfiske nei it nêst dêr't se útkaam, mar ik miende te fernimmen, dêr hie se net mei op, dat ik liet it samar. Redsum yn it wurk is se en stil yn 'e omgong, wat wol men mear?’
‘En te goed foar Pier Poehei.’
Ik koe it net litte en brûk dy skimpnamme, mar Van Aaken like it gjin acht te slaan.
‘Ik hoopje dat se hoekhâldt,’ sei er noch. ‘Wêr, Nelis, fyn ik sa'n twadden?’
| |
| |
De dagen dêrop wynde dit petear my hieltyd wer yn 'e holle om, leine Van Aaken syn wurden my swier op 'e lea. Wat koe ik dwaan en hâld Christyn út 'e hannen fan dy stoaterske hoanne? Jûns op myn keamer doek se foar my op, sa't se by de tafel sitten hie, de eagen mei de lange teisters foardel, it sintandryskrúske sedich om 'e blanke hals, in ynbannige madonna. Mar ek sweve se myn dreamwrâld yn as in ferliedster, lokjend, har holle nêst my op it kessen, har goudhier weagjend oer skouders, boarsten, in Susannah, in Bathséba, begeard en bedrige fan in meunster, en wie ik it dy't har rêde moast út geile grypkloeren...
Op in jûntiid weage ik de stap nei de Skotstrjitte, betocht in boadskipke foar Van Aaken en mei gauwens skikten wy tegearre foar it skaakboerd. Syn útnoeging om faker del te kommen naam ik mei beide hannen oan, dat al gau sieten wy hast jûn op jûn mei de stikken foar ús. As Christyn ynkaam en ús in kroes elsasser skonk, bearde ik wakker yn it spul ferdjippe te wêzen, mar har nei te, it sober wurd dat wy wikselen, it ûnbeneambere dat fan har útgong brocht my djipwei yn ûnstjoer. Ferdwûn hja wer nei har koken, dan ferlear de eftertún oan kleur, it fertrek waard in holle romte sûnder midpunt.
By de Selsma's beneare myn frijfeintekeamer my soms as in kleastersel. Dan seale ik mei hasten myn hynder, ried yn 'e dauwige jûn de klaaidiken út, fol fan har, yn mysels har wurden herheijend, oant de poartebingel my wer ta de stêd ynrôp.
Do bist fereale, jonkje, fereale biste! It wie in stim yn my dy't mar net swije woe, dy't oanwûn en my op 'e gekste stuiten moanne. Fereale op Christyn? Ik koe it mysels al min ûntstride.
It wie ien fan dy soel-stille jûnskofren dat ik de klopper op Van Aakens útdoar falle liet en Christyn my ynliet, de finger op 'e mûle. De master lei efkes nei in hoastbui dy't him ôfmêde hie. Ik folge har troch it foarhûs en op slach foel myn beslút: ik soe en moast mei har prate. Hja wiisde nei de efterkeamer, soe de
| |
| |
kokensdoar efter har tichtlûke, mar ik wie har foar. In tel spegelen har grutte griisblauwe eagen hifkjend yn mines, mar hja die gjin war my te kearen.
‘Christyn, ik moat dy wat sizze.’
Ik socht om wurden, beteutere earst en net wittend hoe te begjinnen, doe op har ynpratend, as wie my frege om goerie. Sûnder omwegen sei ik har wat ik fan Van Aaken heard hie, it oanbod dat se krige hie fan Burmania, de minne namme dêr't de stins op lei.
‘Doch it net, Christyn, doch it net.’
Hja stie dêr yn it lette ljocht dat wjerkeatste yn har glimmend kokengerei, in riedselige trek om har mûle, meilydsum like it wol. Hja wiisde de kant út fan de wenkeamer, smiet de holle op side, sadat in wylde krol ûnder har kaperke losskeat.
‘Tochten jo wier dat ik dy man dêr oan syn lot oerlitte soe? In man dy't sa swier sylt? It soe myn lêste wêze. Ik hear wol, master Cornelis, jo kenne my noch net.’
It kaam der rêstich út, beret, as bekibbe se sêft in jongere dy't har wat missei. Of nee, sa wie it ek wer net. Ik besocht it wat te belizzen.
‘It binne dyn saken, Christyn, mar ik woe dy dochs sizze, it doocht dêr net foar dy op dat Burmaniahûs.’
‘Hoe soe it dêr doge,’ sei se ferachtsum. En doe, de wynbrauwen wat spotsk oplutsen: ‘Jo hiene noed mei my?’
Ik koe sa gau gjin wjerwurd betinke, socht in útwei.
‘Doch my in deugd, Christyn, en jookje my fierder net. En hâld ek op mei dat stive gemaster.’
‘As jo... as dy dat leaver is, goed. It sil wenne moatte, mar ik sil myn bêst dwaan.’
Doe pas krige ik erch yn it boekje, dat iepenslein op 'e kokenstafel lei. Lei dat der hieltyd al? Hja moat myn benijdens sjoen hawwe, loek rap in laad iepen om it op te bergjen, mar wer wie ik har foar. Ik die in taast nei it swartbelettere ding; nijsgjirrigens makke my frijmoedich. Ik blêde werom nei it foarblêd, lies: ...befattende alle de Boecken des Nyen Testa- | |
| |
ments... Seach ik goed? Sanctamaria! in bibel wie it, in Nij Testamint yn 'e lânstaai. In ketterbibel hie ik yn 'e hannen, net oars! Hjir hie ik tsjin preekjen heard, felle prysters hiene der wyt en swart fan sein. Unbegryplik, as betsjoend sloech ik de kreakjende blêdkanten om. Einen út it misboek yn swietlûdich vulgaatlatyn hie ik as jonge oplêze moatten, inkeld lûdmuzyk foar de leek, hillige klanken, thúshearrend ûnder de wjergalm fan in tsjerkeferwulft. Mar dit, wat wie dit? Flokte dit net mei alles dat jin as ferheven en ûnoantaastber yndruid wie? In byld út myn bernetiid yn Montfoort skeat yn my op, doe't ien fan de misjonges efter pastoar syn rêch mei in spjelde stutsen wie en in lûd ‘chotfer...’ hearre liet.
Ferbouwerearre seach ik op nei Christyn. Lynjend tsjin de tafel stie hja dêr, read yn 'e wangen, sabeare wat terjochte skikkend op in boerd.
‘En lêze jo soks?’
Nuver, it gemiensume ‘do’ woe my net oer de lippen op dat stuit. Ik besefte, de fraach koe aardzje nei ferwyt, mar earder wie it ferwûndering, nee, bewûndering dy't my de wurden ynjoech. Christyn, in tsjinstbere!
‘Soks lês ik, ja,’ sei se, myn wurden oernimmend. ‘Ik wol witte wat Us Leaven Hear sèls my te sizzen hat.’ En doe, op my taskowend sûnder in swym fan bangens: ‘Ik hoopje, Cornelis, datst it stilhâlde kinst.’
‘Stilhâlde? Wisse, sil ik dat. Mar do witst dochs wol dat it Blokhûs jacht makket op... eh... soks? Do witst fan de plakkaten?’
‘Ik wit fan dat divelswurk.’
Hja biet de wurden koart ôf, stiek in hân út en ik lange har it boekje oer. Efkes aaike har hân oer de skiere parkeminten bân, ear't se it fuortlei yn it laad. Noch altyd stie ik perpleks.
‘Wit hy... wit master Jacob hjir fan?’
Hja skodholle, de mûle in skreef no, de eagen rjocht yn mines.
‘Nee, it soe him yn 'e wei wêze kinne en hy hat it swier genôch.’
| |
| |
Der foel in stilte tusken ús. Hja bûgde nei de kokenshurd, begûn it fjurke yn 'e gluorrebak mei rappe hân te berekken foar de nacht. Woe hja my slite? Fannijs brocht ik it praat op Burmania en syn tsjustere foarnimmens. Mei in gesicht strak fan earnst stie hja wer foar my oer.
‘Sit dêr net oer yn, Cornelis. Hoe soe ik my besteeg je by ien dy't Sicke Snider mei de dea oandien hat?’
Sicke Snider? Mar dat wie ommers dy Ljouwerter dy't om oerdoperij ûnthalze wie! Van Aaken hie my it ferhaal al dien, mar it kosterke fan de Sint-Vitus hie my wizer makke. De man moast troch de hearen kommissarissen foardroegen wêze foar eksaminaas je fan syn leauwe. Mei de giele kettermûtse op - dat teken fan ôffal en skande - hie er foar it Hof stien en as fijân fan Offysje en Hillich Sakramint syn fonnis oanheard. Noch op it skafot hie er in psalm opsein en it omsteand folk fermoanne, ear't de boal dêr in ein oan makke hie. Mar, sa hie it kosterke der wolfoldien oan tafoege, in tsjinstdwaande tromslagger fan it skuttersgild hie it rjocht ferflokt dat dit bloedoffer easke en wie neitiid op 'e Brol oan 'e kaak set, in priem troch de dryste tonge. Dit wie wat ik derfan wist, mar wat hie de lange Burmania hjir mei te krijen? Sicke Snider...?
Oer Christyn har wêzen kaam in bittere trek, fjoer fonke út it blau fan har eagen.
‘Fansels, do hast fan him heard. De stêd is der noch fol fan. Mar as it binnen dizze balken bliuwt, Cornelis, meist de wiere tadracht wol hearre.’
‘De wiere tadracht? Mar de man is ommers...’
‘De man is dea, stoarn as marteler foar syn Hear. Mar der is bewiis, dat syn oanbringer wennet op it Hûs hjir fuortby. Do witst wa't ik mien.’
‘Mar, Christyn, is dat wol wier? Is dat gjin eamelpraat fan 'e strjitte?’
‘Nee, it is mear. Ik ken de sniderswiddo, earm sloof, dy't se alles ûntnadere hawwe en penitinsjes oplein. Skielk moat se by de boetelingen yn 'e prosesje rinne. No, dy wit mear. De man
| |
| |
dêr't ik it oer hie hat oeral syn útkloarkers, earme skobberts út de efterôfbuorrens, dy't him foar jild de nammen oandrage fan lju dy't it Sakramint gram binne. Noch mear is der útlekt. Dyselde man hat nei baas Sicke Frearks syn dea hûndert pûn Flaamsk opstrutsen, sa't it hiet foar syn bouplannen op Aldehou. In klerk fan de Kânselarije hat it útbrocht en stiet foar de wierheid yn. Begrypst no...’
Stomferwûndere seach ik it fanke oan. Har hannen, dy't earst plat op 'e kokenstafel leine, rôlen op ta lytse, grimmitige fûsten.
‘Mar dit is... dit is...’
‘Dit is belialswurk, sis dat mar! En soe ik my by sa'n ien ferhiere, syn wiet en droech fersoargje? Fariseeërs, sa neamt it Evangeelje sokken. Juster lies ik it noch: wytpleistere grêven, fan bûten fol moaiskyn, mar fan binnen deadsbonken en ûnhuerichheden... Mar, Cornelis, beloof my ien ding, lit de master dit net witte. It soe him de lêste wille benimme, ek op it wurk.’
Alhiel ûnder beslach fan har wurden naam ik de hân oan dy't hja my tastiek, in freonehân. It spoeke my yn 'e holle, ik fielde my behelle as yn in komplot, in geheim, in dûbel geheim noch wol.
Dy jûns op myn keamer hie ik wurk om myn tinzen, wyld en tsjinstridich, wer wat sljocht te striken. Hie ik my yn in holdersnêst bejûn? Wêrom hie it fanke my dit tabetroud, my, dy't se noch sa koart koe? Nee, har mûle foarbypraat hie se net, beret hiene har wurden west, op it stik oan. Har opkroppe moed moast it dien hawwe, opstannigens, ferset tsjin kâlde oermacht, mar in riedsel bleau it, dit priisjaan fan geheimen dy't no mines mei wiene.
Hie se kunde oan konvintikelminsken, dêr't Van Aaken al ris fan praat hie dat se yn dizze stêd bestiene? Hoe kaam se oan sa'n ketterboek, swier ferbean by foarskrift fan it Hof? Och, wat wist men as ynkommeling eins fan wat der binnen de bolwur- | |
| |
ken gêste en broeide? Lyk as yn Hoarn hearde men in hap en in snap oer tsierderij yn efterôfgloppen, dêr't út en troch ferset oplôge tsjin in aloan jild easkjende clerus, kerellen dêr't gjin pastoar him mear tusken weage. Koartby, sa woe in bierbankferhaal, wie der noch in biddelmûnts út it Skuonmakkersperk weijage, neipiuwd troch hongerige wiven fan fellebleaters. Mar sok folk, dêr hearde Christyn dochs net by?
In blinkje fan wat der ûnder de skeamelen fan geast en ponge omgong krige ik op in moarn te sjen, doe't Griet Onbeleefd op Aldehou kabaal makke. Healwize Griet, ferdútste it wurkfolk my letter, wie in sleperswiif wa't it bytiden trochrûn en dy't bile mei alle hûnen. Under de misse jammere se har avemarijen soms sa lûd derút dat de koster har ta de tsjerke út loadse moast. Unferhoeds stie se as in âld spoek by de iepening yn 'e ôfskutting, de stokkige earms omheech nei it folk op 'e bousteger. Skel kraste har lûd by de muorren op: ‘Hei, jimme tsjerkebrekkers dêrboppe! Ja, draaiearzen, it is my oansein, earst in toer, hin, en dan ús âlde Sint-Vitus fan boppen! En Us-Leaf-Frouwe, wêr moat it sloof keare? De Satan sil jim oan polver baarne! Ja, gniis mar, gniis mar! Yn it fagefjoer, nei de hel mei jimme! Tusken de takkebosken! Krôlje fan 'e pine! O Leaf-Frouwe-fan-de-Smerten, stean ús by!’
En it hier wyld om 'e holle, de fûsten oprôle, wie Griet Onbeleefd wer ôfset nei har wenkrot earne oan 'e Griene Wei. In oar libbensteken fan de vox populi heinde ik fuort dernei op út 'e mûle fan in loslippige mûnder by it Skavernek wei, dy't ik in fertarring oanbea. Hy fage him it skom fan Sape Selsma's bier út 'e hingelsnor en begûn earst oer saken dêr't ik it measte al fan wist. Hy hie der by stien, hoe't no treddel jier ferlyn de fjouwer hoekstiennen fan de toer lein wiene troch de dielhawwers oan it kapittel. De hiele Ljouwerter geastlikheid, regulier en sekulier, hie om 'e bouput stien, guon warber mei wijwetter en ûnfersteanbere spreuken. De skutterij stie opsteld en hie it barren mei trompetmuzyk omklaaid. In hiel feest. O, wist it hearskip derfan? Just, mar wat er grif net wist wie dit. De man
| |
| |
seach om him hinne, wylst syn lûd sakke nei in heas lústerjen. Ien fan dy stiennen, hin, wie lein troch Pier Poe..., no ja, de grutte Burmania. En wat waard no grute? Krekt op dy hoeke wie no it muorwurk yn beweging. De noardwesthoeke, kaam dat út?
Ik liet my net kenne, mar de wytkop hie myn antwurd net nedich.
‘In oardiel fan Hegerhân, hearskip, dêr kinne jo tonger en wjerljocht op sizze. De flok leit derop!’
De prater hapte foldien yn syn drank en sei noch: ‘Hoe kin de straf útbliuwe as sa'n ien de grun leit foar in hûs fan Us Hearke en syn hilligen? Jo hoege my net te leauwen, hearskip, mar doch der ris tinken om, dit is in fingerwizing, wat ik jo sis.’
Ik hie de mûnder útlake en him derop wiisd dat er net alle âldwivefabels leauwe moast, mar de man bleau derby, ik koe der tonger en wjerljocht op sizze, dat it wier wie, soks kaam nei. Myn hospes hie it gnyskjend oanheard en sei tsjin my: ‘Sjoch, soks preket gjin pastoar der wer út.’
Mei dat al skerpe it myn ynsjoch, dat der by de mindere man dingen libben dy't oan mjitlatte en passer ûntkamen.
Dat lêste gou net te min foar Christyn. Sa't in útslachtekening wint oan werkenberens by reliëf, sa hie it byld dat ik fan har hie nei ús petear mear djipte krige, al bleauwen der riedselige kanten oan har wêzen dêr't ik gjin wei mei wist. Dat rizich stal fan har, dy eachopslach, de lokjend-opwinende fammigens as hja lake, it lei no as ynkadere yn in ramt fan ynbannige berettens, fan wrâldwizens, dy't ik earst net by har socht hie. En dan in tsjinstfaam dy't ferbeane skriften lies, dy't opkaam foar in heale balling as de sniderswiddo en fan in Burmania praktiken wist, dêr't nimmen oars aan fan like te hawwen! Dagen lang joech it my stof ta neitinken, ta mimerijen. Hoe baarnde it my yn om mear fan har te witten. Ienkear wie ik yn 'e wille en sykje dy proveniersfrou op of de beierfader, mar it gong my like hurd wer ôf. It soe it fanke by ferkearden yn opspraak bringe kinne en foar alles, ik soe har betrouwen yn
| |
| |
my skeine.
En just dat betrouwen, dat ynwijd wêzen yn saken, dy't gjin each ha mochten, dêr groeide ik yn. It stive my yn it besef har beskermer, har Sint Joris te wêzen. En by al sokke oerlizzingen, it mocht dan jongeseftich hjitte, naam Pier Poehei wat langer wat mear it stal oan fan in meunster, in sânkoppige draak.
|
|