op it begjin, it fersin mei de bouput, dy't djipper moatten hie, mar dêr't it kapittel - hy seach dêrby de lange Burmania lyk yn 'e eagen - net oan woe, om tiid, om kosten, en dêr't no de gefolgen fan te sjen wiene.
Ik murk, hoe't by it omsittend selskip de troanjes beloeken, strak stiene fan earnst. In grûneuvel? In fersakking? Spanning lei as lead oer de seale, doe't Van Aaken besleat:
‘Dat no stiet it oan it kapittel wat der barre moat, brekke en opnij begjinne of trochgean op hope fan stilstân en bysakjen. Ik bin foar it earste, al hoe'n opkear dat jaan sil, en myn ûnderboumaster is fan itselde betinken.’
It wie foar it earst dat er my yn it besprek behelle. Ik woe him byfalle, mar magister Pier sloech fuort de mûle deryn mei de frage, hoelang't it ferskynsel him al oppenearre hie. Gleon seach er dêrby ús kant oer. Hiene kapittel en foar alles hysels net earder warskôge wurde moatten? Koe in ferantwurdlik boumaster soks sa lang op syn berin litte?
Van Aaken ferskikte yn syn stoel. It wie klear dat dy toan fan de lange Burmania him stiek. Grif preau er lykas ik dy syn útwynsels om foar it eigen oandiel yn 'e oarsaken fan it euvel wei te winen. Ommers, nimmen sa slim as hy hie dy foartidige earste-stienlizzing wollen en mei tumult fan wurden trochdreaun. Myn learmaster slokte ris, andere doe uterlik kalm:
‘Men tidiget op stilstân, magister, as in bouwurk lichte setting sjen lit. De kâns op ferhelp troch bysakjen hat my de mûle bûn. Om mar te swijen fan wylde geroften by de bûtewacht, dy't sa licht ûntstean wolle.’
Burmania batste der fuortdaliks mei syn ûnwaarslûd yn.
‘Dy bûtewacht hat gjin stim yn dit kapittel, woe ik hawwe. Mar ôfbraak en weropbou, wat soe dat net fan myn fûnsen fergje! Derby, jo soene twa jier en mear oan tiid fergriemd hawwe. Mar in fraach: as wy trochbouwe; wat bart der dan?’
‘Dan wurdt de boppebou fierder te lead oplutsen,’ ljochte Van Aaken ta. ‘Mar it basemint bliuwt út it wetterpas; men soe letter hinnegean kinne en ommitselje dat, mar moai is oars.’