| |
| |
| |
List fan persoanen
I. De famylje Bokma de Boer
Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer, berne yn Nes (West-Dongera-diel) op 13 febrewaris 1860 en stoarn yn Hilversum op 9 jannewaris 1939. |
Albertus Minderts Bokma de Boer (Ljouwert 1816 - De Haach 1904), herfoarme predikant te Foudgum, Langwar en Nes, har heit. |
Dieuwke Klaasesz (Ternaard 1827 - De Haach 1905), troud mei ds. A.M. Bokma de Boer, har mem. |
Jetske (Jette) Bokma de Boer (1848-1929), Rensia (Renske, Rens) Bokma de Boer (1850-1932), Catharina Gerardina Bokma de Boer (septimber 1852 - novimber 1852), Catharina Gerardina Bokma de Boer (1854-1870), har susters. |
ds. mr. Willem Reilingh (1835-1914) yn 1877 troud mei Rensia Bokma de Boer), fan 1861-1875 predikant te Mitselwier, letter learaar yn Wageningen, har sweager, tsjûge by har houlik. |
Sjoukje Maria Diederika Klaasesz, de yn 1855 op 25-jierrige leeftiid fer-stoarne jongere suster fan har mem, nei wa't Sjoukje neamd is. |
Jan Klaasesz en Jilles Klaasesz, bruorren fan har mem |
‘Hinke Klaasesz’, betocht personaazje, foarsteld as suster fan har mem, troud mei ‘Omke Ale,’ ek in betocht personaazje. |
Mindert Bokma de Boer (yn 1888 41 jier âld), har neef, tsjûge by har houlik. |
II. De famylje Troelstra
Piter Jelles Troelstra, berne yn Ljouwert op 20 april 1860 en stoarn yn De Haach op 12 maaie 1930. Studearre fan 1882 oant 1888 rjochten yn Grins, waard nei syn promoasje advokaat en prokureur yn Ljouwert. Neidat er him yn 1890 syn ropping bewust wurden wie, wurksum as propagandist foar de arbeidersbeweging; ien fan de oprjochters fan de S.D.A.P. en yn 1897 ien fan de earste Keamerleden foar dy partij; lieder fan de sosjalistyske beweging oant 1925. Troude op 11 oktober 1888 yn Renkum mei Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer; it houlik waard op 6 novimber 1907 yn De Haach ûntbûn. |
| |
| |
Jelle Piters Troelstra sr. (1833-1906), belestingynspekteur, steatelid, lid fan de gemeenterie fan Ljouwert, wethâlder en oprjochter fan de fersekeringsmaatskippij Neerlandia yn 1881, har skoanheit. |
Grytsje Durks Landmeter (1837-1871), mem fan har man. |
Geartsje Rinsma (1836-1887), twadde mem fan har man. |
Haukje Hendrika Troelstra (1861-1937), har skoansuster. |
Tseard Hoekstra (1858-1884), medysk studint, freon fan Piter Jelles, hat ferloofd west mei Haukje Troelstra. |
Hanna Troelstra (eins Bijlsma; 1909-1986), pleechdochter fan Haukje Troelstra, har muoikesizzer. |
Tryntsje Albertine Troelstra (1864-1880), suster fan Piter Jelles. |
Rinskje Troelstra (1865-1896), har skoansuster. |
Hendrika (Rika) Troelstra (1867-1944), har skoansuster. |
Klaas Brok (1874-1944), yn 1903 troud mei Hendrika Troelstra, har sweager. |
Durk Troelstra (1870-1902), har sweager. |
Sylvie Sidonie de Vries (1866-1931), yn 1894 troud mei Durk Troelstra, har skoansuster. |
Margarita (Grytsje) Troelstra (1901-1995), dochter fan Durk en Sylvie Troelstra-de Vries, har muoikesizzer. |
Albert Troelstra (maart 1871-augustus 1871), broer fan Piter Jelles. |
Tryntsje Albertine (Nynke) Troelstra (1881-1882), healsuske fan Piter Jelles. |
Tryntsje Alberts Troelstra-Jonkman (1797-1864), beppe fan Piter Jelles. |
Albert Piters Troelstra (1836-1854), omke fan Piter Jelles, stoarn yn Konstantinopel. |
Marten Piters Troelstra (1839-1902), omke fan Piter Jelles. |
III. De bern
Dieuwke Troelstra, berne yn Huzum yn 1889 en stoarn yn Zeist yn 1973, har dochter. |
Antonius Henricus van der Stok (1889-1957) Dieuwke har earste man, har skoansoan fan 1911 oant 1914. |
Heinrich Adrian Karl Wilhelm (Hans) van der Stok (1912-1979) iennich bern út Dieuwke har earste houlik, har beppesizzer. |
| |
| |
Alona Sophia van der Stok (*1933) en Ulaf Kristian van der Stok (*1935), bern út it houlik fan Hans van der Stok en Elisabeth Karoline Berner, har oerbeppesizzers. |
Paul Johann Bay, sûnt 1922 Dieuwke har twadde man, har skoansoan. |
Veronika Anna Bay (*1922), Gunda Sophia Bay (*1924), Balthasar Johannes Bay (1926-1934), Leonore Andrea Bay (*1928), Ursula Beate Bay (* 1930) en Taco Christiaan Bay (* 1933), bern fan Dieuwke út har twadde houlik, har beppesizzers. |
|
Jelle Piters Troelstra, berne yn Ljouwert yn 1891 en stoarn yn Amersfoart yn 1979, har soan. |
Jacoba Antje Tjaco (Tjac) Romein, berne yn 1896 yn Haarlim, troud mei Jelle, har skoandochter. |
Heleen Begemann, dochter fan Tjac út har earste houlik, har beppesizzer. |
IV. Heipen yn de húshâlding
Ytsje Holwerda, berne yn 1863, tsjinstfaam by de famylje Bokma de Boer, earst yn Fryslân, letter ek noch yn Brummen en tige koart yn Renkum. Hja hat yn De Haach noch tsjinne by Jette Bokma de Boer, doe't dy in pensjon hold. |
Hiltsje Feenstra (*1869), tsjinstfaam by de Troelstra's fan 1888-1891, âldste dochter fan Sjoerd Gerrits Feenstra (1837-1915) en Harmke Feenstra-Tuinstra (1847-1921). De húshâlding fan de Wergeaster Feenstra's hat model stien foar Afke's Tiental |
Antsje van der Schaaf, tsjinstfaam by de Troelstra's sûnt 12 maaie 1891. Hja is yn july 1893 mei ferhuze nei Nieuweramstel. |
Antsje Legendal (*1879 yn Bakkefean), tsjinstfaam by de Troelstra's fan 1901 oant 1903. Dochter fan Roelof Hessels Legendal, in broer fan Grietje Hessels Legendal, de twadde mem fan Sjouk Oosterbaan. |
Sjouk Oosterbaan (1878-1964), yn 1905 oannommen as hûshâldster, yn 1908 de twadde frou fan Piter Jelles wurden. |
‘Aagje van Beusekom’, betocht personaazje, tsjinstfaam fan Nynke fan Hichtum yn Utert, nei har skieding |
| |
| |
V. Freonen en kunde
Lourens Zandstra (1848-1923), warber sosjalist yn Ljouwert, earst yn de Sociaal-Democratische Bond, letter yn de S.D.A.P. Stipe Troelstra sûnt 1890 en holp him ek yn de ferkiezingskampanje fan 1897. Lid fan de Ljouwerter Rie en fan Provinsjale Steaten. |
Marten van de Tempel, styfsoan fan Lourens Zandstra; ien fan de oprjochters fan de S.D.A.P.-ôfdieling Ljouwert. Yn Utert meiwurker oan De Baanbreker. |
Hessel Poutsma (1866-1933), útjouwer fan De Sneeker Courant sûnt 1889; yn maart 1892 naam Troelstra de redaksje fan him oer, wêrnei't it blêd radikaler waard. Mei yngong fan 1893 feroare Troelstra de namme yn De Nieuwe Tijd. |
Harm Jan Kenther (1870-1944), administrateur fan De Nieuwe Tijd, earst yn Ljouwert, letter yn Amsterdam. Troude yn 1893 en ferhuze doe mei de Troelstra's nei Utert, dêr't er de administraasje fan De Baanbreker die. Sette yn 1894 in agintskip foar it blêd op yn De Haach. By de ferkiezingskampanje fan 1897 wie er yn syn berteplak Wynskoat werom, dêr't er Troelstra tige stipe. |
Simon A. Maas, sekretaris fan Troelstra yn Haarlim. Dieuwke hat yn 1903 in skoftke by him en syn jonge frou yn 'e hûs west. |
Cornélie Lydie Huygens (1840-1902), kunde fan de Troelstra's yn de earste Uterter tiid; earste frou yn it bestjoer fan de S.D.A.P.; troude op 2 oktober 1902 mei I.B.M. Bahlmann, mar die harsels al op 30 oktober 1902 te koart. |
I.B.M. (Ignaz) Bahlmann (1852-1934), urf in tekstylhannel fan syn heit en kocht letter in tichelwurk yn Dútslân. Koe fan syn jild libje. Stipe earst de Dútske sosjalisten, letter Domela, mar doe't dy genôch hie fan Bahlmann syn bemuoienis rjochte Bahlmann him ta Frank van der Goes en Troelstra. Hy hat fan 1893 oant 1895 finansjeel holpen by de útbou fan De Baanbreker en yn 1894 ek by de oprjochting fan de S.D.A.P. |
Karl Kautsky (Praach, 1854 - Amsterdam, 1938), partij-ideolooch fan de Dútske sosjaal-demokraten. Oprjochter en redakteur fan Die neue Zeit, in wykblêd, dat wolris artikels fan Nynke fan Hichtum opnommen hat. Befreone mei de Troelstra's. |
Luise Kautsky, frou fan Karl Kautsky, persoanlik freondinne fan Nynke fan Hichtum. De Kautsky's hawwe wol by de Troelstra's útfanhûs west. |
| |
| |
Wilhelm Liebknecht (1826-1900), Dútsk sosjaal-demokratysk politikus, redakteur fan de Vorwärts; mei syn soan Karl hat er yn 1897 by de Troelstra's útfanhûs west yn Utert. |
dr. H. Lietz, Dútsk pedagooch, Stifter fan kostskoallen, saneamde Landerziehungsheime, dêr't neffens moderne didaktyske opfettingen wurke waard. Jelle Troelstra is yn 1903 nei it Landerziehungsheim yn Ilsenburg gien, Dieuwke yn 1904 nei dat yn Gaienhofen. |
Richard Dehmel (1863-1920), Dútsk dichter. |
Eugen Dietzgen, soan fan de Dútske sosjalistyske filosoof Joseph Dietzgen; befreone mei Piter Jelles, dy't û.o. yn 1905 yn Locarno by him útfanhûs west hat om syn sûnens. |
Sytske Schreuder (Ljouwert, 1862 - Montreux, 1925); jeugdfreondinne fan Piter Jelles, dy't er yn 1905 yn Switserlân fannijs moete hat; by har dea skreau er it fers ‘Lêste blink’. |
Fokje Pasma (1865-1956), jeugdleafde fan Piter Jelles yn it begjin fan syn studintetiid. |
Durk Hartmans (*Nes, 1860), jeugdfreon fan Sjoukje Bokma de Boer. |
Johan Duparc, freon fan Piter Jelles yn de studintetiid, tsjûge by syn houlik. |
Roelf Herman Boerma, freon fan Piter Jelles yn de studintetiid, tsjûge by syn houlik. |
Jan van Loon, soan fan Jacobus van Loon Jsn; freon fan Piter Jelles yn de studintetiid, syn ‘patroon’ yn it Groningsch Studenten Corps. |
Clara van Loon, dochter fan Jacobus van Loon Jsn; sûnt harren mienskiplike tiid op de Dokkumer kostskoalle freondinne fan Sjoukje Bokma de Boer. |
Lykle de Jong, medysk studint yn Grins, befreone mei Jan van Loon en Piter Jelles; troude mei Clara van Loon. |
Clara de Groot (1898-1994), sjoernaliste en berneboekeskriuwster, rekke befreone mei Nynke fan Hichtum, doe't hja foar it Leeuwarder Nieuwsblad yn 1935 in fraachpetear mei har hie. |
ds. Michaël Willem Scheltema, remonstrantsk predikant yn Dokkum fan 1865-1880; by him oan hûs waard de ‘Dag- en Kostschool voor jonge Dames’ holden, dêr't Sjoukje Bokma de Boer fan 1875 oant 1879 learlinge fan west hat. |
dr. Anna Fischer-Dückelmann, froulike dokter út Dresden, by wa't Nynke fan Hichtum twa kear kuerd hat. Skriuwster fan Het Gulden Vrouwenboek(1904). |
| |
| |
dr. Winkler, arts, spesjalist yn senuwsykten, dy't Sjoukje Troelstra yn 1892 yn Utert behannele hat. |
Florentinus Marinus Wibaut (Flissingen 1859 - Amsterdam 1936), direkteur fan in houthannel yn Middelburch; letter wethâlder yn Amsterdam foar de S.D.A.P. Hat Troelstra in kearmannich finansjeel stipe. |
Henri Hubert van Kol, mei-oprjochter fan de S.D.A.P.; lykas Troelstra yn 1897 yn de Twadde Keamer kommen, as earsten fan de nije partij. |
Nellie van Kol (Jacoba Maria Petronella Porrey, 1851-1930), troud mei Henri van Kol. Redigearre fan 1893-1900 De Vrouw; sette yn 1895 út ein mei Ons Blaadje, in bernetydskrift, dêr't Nynke fan Hichtum sûnt 1896 oan meiwurke hat. Nynke naam yn 1901 fan har de redaksje oer fan de yn 1898 troch Nellie van Kol oprjochte ‘Volkskinderbibliotheek’. Har ideeën oer berneliteratuer hawwe Nynke fan Hichtum tige oansprutsen. Nei de dea fan Nellie van Kol, hat Nynke fan Hichtum tige war dien om de ferhalen fan Nellie op 'e nij útjûn te krijen. |
P. Kluitman, útjouwer yn Alkmaar; joech fan 1912 ôf Afke's Tiental en earder en letter ek oar wurk fan har út. |
J.B. Wolters, útjouwer yn Grins; joech yn 1903 Afke's Tiental út yn de rige ‘Geïllustreerde Bibliotheek voor jongens en meisjes van 11-14 jaar’ dy't Nynke fan Hichtum redigearre mei Cannegieter en Ligthart. Har Friesche schetsen kamen yn 1905 ek noch yn dy rige út. |
Jan Ligthart (1859-1916), ûnderwiisfernijer, wurke mei oan de fan H. Scheepstra skreaune lêsboekjes oer û.o. Ot en Sien; redigearre mei Nynke fan Hichtum de berneboekerige fan Wolters en stimulearre har yn har skriuwerij. |
H.P.L. Wiessing (1878-1961), haadredakteur fan De Amsterdammer, letter fan De Nieuwe Amsterdammer, kranten, dêr't Nynke fan Hichtum foar skreaun hat. |
Cor Bruijn (1883-1978), ûnderwiisfernijer en berneboekeskriuwer, mei wa't hja yn har Hilversumske jierren befreone west hat. Yn 'e mande mei Cor Bruijn hat hja fan 1927-1936 in rige sêgebondels útbrocht. |
Nico van Suchtelen, redakteur fan de Maatschappij voor Goede en Goedkoope Lectuur (Wereld Bibliotheek), dy't yn 1926 har Sprookjes uitverre landen útjûn hat. |
A.J. van Dishoeck, útjouwer yn Bussum, dy't û.o. har Kinderleven (1906) útjûn hat. |
| |
| |
Catharina van Rennes (1858-1940), komponiste en dichteresse fan bernelieten; yn Utert de sjongpedagoge fan Dieuwke Troelstra. |
Emile Jaques-Dalcroze (1865-1950), Switsersk muzykpedagoog, grûnlizzer fan de ritmyske gymnastyk; learaar fan Dieuwke en Jelle Troelstra; wurke fan 1892-1910 yn Genève; stifte dêrnei in skoalle yn Hellerau, dêr't Jelle Troelstra oant 1914 by him wurke hat. |
Leander, Richard von Volkmann (1830-1889), Dútske dokter, auteur fan Träumereien an französischen Kaminen (1871), dat Nynke fan Hichtum oerset hat yn 1887. |
|
|