Neiwurd
It antwurd dat Nynke fan Hichtum op dy nijjierswinsk krige fan har eardere man, makke har dúdlik, dat hja ferskillend tochten oer de oarsaken fan de skieding dy't in lytse tweintich jier earder in ein makke hie oan harren mienskiplik bestean. Yn de eagen fan Troelstra hie it in die west fan inerlike needsaak en geastlike befrijing skreau er. Wat de ynfloed oangie, dy't hja op inoar hawwe kinnen hiene, wie er it net mei har iens. Hy hie wol in gefoel fan tankberens oerhâlden, sa liet er har witte, oan it feit, dat hy har oan it skriuwen krige hie, omdat letter bliken dien hie, dat dat foar har in libbensferfolling wie, mar dat hja him ea revolúsjonêre besieling jûn hie, woe er net leauwe.
Nei it skriftlike kontakt om de jierwiksel 1926/1927 hinne hawwe hja inoar net mear te wurd west. Jelle, dy't mei syn beide âlden in goede relaasje ûnderhold, hat har grif op 'e hichte hâlden fan de situaasje oer en wer.
Nei it houlik fan har soan mei Tjac Romein ferhuze Nynke fan Hichtum ek nei Hilversum om tichteby de jongelju wenje te kinnen. Troelstra hat yn syn lêste jierren al syn krêften wijd oan it skriuwen fan syn tinkskriften, wylst Nynke fan Hichtum earst as oersetster en bewurkster en letter as skriuwster fan oarspronklik wurk yn har skriuwerij noch in tige fruchtbere perioade krije soe. Njonken tsientallen bewurkingen fan mearkes, sêgen en folksferhalen út alle hoeken fan de wrâld makke hja bygelyks yn 1929 de earste Nederlânske oersetting fan A.A. Milne syn ferneamd wurden Winnie-de-Poeh.
By de grutte huldiging ta gelegenheid fan Troelstra syn ôfskie fan de polityk yn 1925 hie syn earste frou net oanwêzich west en ek lettere hichtepunten yn it libben fan har eardere man, lykas de iepening fan it Troelstra-oord yn 1927 en de fiering fan syn 70ste jierdei op 20 april 1930 koe Nynke fan Hichtum allinne mar op ôfstân meibelibje.
Syn dea op 12 maaie 1930, op 'e dei ôf 59 jier nei it ferstjerren fan syn mem en 28 nei dat fan syn broer Durk, hat har oangrypt, mar de yndrukwekkende begraffenis hat hja net bywenne. Dat Dieuwke ien dei earder it libben skonken hie oan in famke fermoedsoene har in