De oare helte
(1997)–Tineke J. Steenmeijer-Wielenga– Auteursrechtelijk beschermdNynke fan Hichtum, de frou fan Piter Jelles
[pagina 268]
| |
(1926)Foardat hja dy moarn mei har húshâldlike ferplichtings útein set wie, hie se in hiel skoft sitten te lêzen yn wat hja oant dan ta opskreaun hie. Tusken Piter en Haukje wie it gelokkich wer goed kommen, hie se tocht. Sokke lytsminsklike kribbekeurichheden hiene him dêrjinsen tusken de hege Switserske bergen sa ûnbetsjuttend talike, dat er graach ynstimme wollen hie mei Jelle syn útstel om syn suster te skriuwen en te besykjen dat âlde sear út 'e wei te krijen. It spoar fan leed dat de oarloch oer Europa luts, liet him fiele, dat it wichtich wie om te besykjen yn it lytse ferbân fan jins neisten alteast yn harmony mei-inoar te libjen. Dy skiednis mei Haukje hie har by it oerlêzen ek noch wat oars yn it sin brocht. Op in kear, dat de bern by Pake en Muoike yn Ljouwert útfanhûs west hiene, hie hjasels op in middei, wylst hja thús yn De Haach te rêsten lei, dúdlik sjoen dat lytse Jelle yn 'e sleat siet en muoite hie om dêrút te kladderjen. It hie gjin dream west, mear in rige bylden út de werklikheid, krekt sa klear en dúdlik as wie hja der libbensliif by. Slim ûngerêst hie se Piter fuortendaliks doe't er thús kaam, nei Ljouwert tillegrafearje litten om te freegjen, oft it wol goed wie mei de bern. Aldergeloks wie der doe al gau in tillegram weromkommen mei it boadskip, dat alles ynoarder wie. Mar de oare deis hie se in brief krige fan Haukje, dêr't hja yn skreau, dat Jelle boartsjenderwize yn 't wetter rekke, mar der aldergeloks ek wer útlutsen wie troch syn maten. Hy wie no in bytsje ferkâlden, mar fierder hie er neat skipe fan syn eangstich aventoer. Sa mispleatst en oerdreaun as Piter tocht hie, hie har ûngerêstens dus dochs net west. Dy ûnderfining, dy't har foarkommen wie as wat boppenatuerliks, wie har lang bybleaun. Hoe't hja der ek op omprakkesearre hie, hja hie der gjin oare ferklearring foar fine kinnen, as dat de sterke bân dy't hja mei har soan hie, op in stuit dat Jelle yn gefaar wie, in beskaat kontakt mooglik makke hie oer in grutte ôfstân hinne. It hie har in frjemd gefoel jûn, as hie se even rekke oan it geheim fan it libben en de dea. | |
[pagina 269]
| |
Doe't hja in jiermannich letter ûnder ynfloed fan Henri en Nellie van Kol meidien hiene oan spiritistyske seânses en bliken die, dat hja sterk mediamyk bejeftige wie, hie har dat daliks wol oanwollen. In skoftlang hiene se har oerjûn oan sokke boppenatuerlike dingen, mar op in kear hie Piter oansitten by in seânse en dúdlik te hearren krige, dat Nellie van Kol fermoarde wie. Dêr wiene se slim kjel fan wurden en doe't it ek noch net wier blykte te wêzen, hiene se besletten har tenei net mear mei dy tafeldûnserij yn te litten. It bleau fassinearjend, mar hja koene har tiid wol better brûke.
Noch ien kear hie hjasels letter sa'n telepatyske ûnderfining hân. Dat hie yn novimber 1918 west. Hja hie wat doelleas troch de wenkeamer rûn en doe hommels Piter sjoen. Yn Rotterdam. Fuortendaliks hie se witten dat it yn Rotterdam wie, al hie hja nea earder yn dy seal west. Efternei hie har dat earst fernuvere. Har eardere man wie troch in syddoar in toaniel opkommen en hja hie field, dat er slim ûnder spanning stie. Dat gefoel wie sa sterk, dat it wie as trille syn emosjonaliteit yn har mei; hja hie de stoel dêr't hja krekt by stie, beetkrije moatten, sa dwyl wie se wurden. Piter die in stap as twa nei foaren, de sprekker hold op fan praten en de hiele seal barste út yn it sjongen fan de Ynternasjonale. As strampele er út it tsjuster it folle deiljocht yn en stie er doe ynienen wer sterk oerein, sa'n sensaasje hie it jûn. It makke sa'n yndruk, dat hja der - allinne thús yn har eigen keamer - om gûle moatten hie en se wie der wis fan, dat Piter op datselde stuit ek slim oandien west hie. Hja hie sa fûl yn it bekling fan de stoel knypt, dat de knokkels pynlik wyt ôfstieken en doe't hja har los makke fan it byld, hiene har hannen iiskâld west. De moandeis dêrnei hie se yn de krante lêzen, dat it kongres fan de S.D.A.P. Piter dy sneons in tillegram stjoerd hie om him te freegjen nei Rotterdam te kommen, ek al hie er de deis tefoaren te siik, te brutsen west om yn de Keamer it mislearjen fan de revolúsje ta te jaan, dy't er nei it foarbyld fan Dútslân ek foar Nederlân wollen hie. Schaper hie dêrom de freeds yn syn plak de krityk parearje moatten. Foar him wie it opkommen te besykjen om út de ûnrêst dy't troch Piter syn optreden ûntstien wie, dochs noch herfoarmingswinst te slepen. | |
[pagina 270]
| |
Hja hie sels yn dy tryste oarlochsjierren rêstich bûtenút wenne, earst yn Laren, letter in jiermannich op in pear keamers yn in ferboude pleats yn Blaricum en dêrnei fannijs yn Laren. Neidat Piter him mei Haukje fermoedsoene hie, wie er ek wer wat faker by har kommen en hja hiene doe lang praat oer dy wûnderlike erfaring dy't har op sa'n s wier momint yn syn libben wer sa ticht by him brocht hie. Net allinne de ôfstân hie se yn de geast oerbrêge, ek de tiid. It hie har op dat stuit west as wiene hja beide fiifentweintich jier jonger en stiene hja wer skouder oan skouder yn de striid. Piter hie har ferteld, dat er de tongersdeitemiddeis foar it Rotterdamske kongres al field hie, dat er mentaal finaal oan 'e ein fan syn Latyn wie. Hy hie him sa skamme om syn swakkens en syn posysje hie him doe sa wanhopich talike, dat er der oer tocht hie himsels tekoart te dwaan. Hja wie dêr tige kjel fan wurden. Hja moast der net oan tinke, dat Piter der net mear wêze soe, mar it hie har wol befêstige yn har idee, dat der tusken minsken dy't troch in sterke bân mei-inoar ferbûn wiene, telepatyske kontakten bestean koene. Sûnt it ferstjerren fan har âlden hie se in fêst leauwe yn in geastlik fuortlibjen nei de dea en hja hie doe tocht, dat benammen de sinjalen by de oergong nei it ûnierdske wolris tige sterk wêze koene. Sokke dingen wiene net logysk te ferklearjen, mar hja wie der wis fan, dat der mear wêze moast as wat in minske mei it ferstân benei komme koe.
Oan it lewant yn har pensjonkeamer wie hyltyd mear kommen te hingjen. Behalve de famyljefoto's wiene it de lêste jierren ek lânskippen, stedsgesichten en portretten fan Jelle syn hân, dy't hja geregeldwei sels mei soarch ôfstoffe. En dêr wer njonken hongen no ek al in stikmannich ynliste tekeningen fan Hans van der Stok. Fan syn heit, dy't er mar amperoan kend hie, hie har âldste beppesizzer grif it tekentalint urven. As hja syn wurk beseach, woe it har hast net oan, dat in jonge fan fjirtsjin jier sokke moaie dingen meitsje koe. It húshâldlik wurk hie noch altyd har leafde net, mar it hie dit foar dat men der noflik by mimerje en drôgje koe, tocht se mei de stofdoek yn 'e hân. No hoegde se allinne noch mar te fertellen, hoe't hja yn Frankryk | |
[pagina 271]
| |
bedarre wie en dan wie har ferhaal rûn. As it wurk oan 'e kant wie, soe se gau wer fierder skriuwe. | |
1.Doe't Jelle yn it Gooi syn skildersoplieding ôfmakke hie en de oarloch einlings foarby wie, wie er begûn te reizgjen. Mei freonen hie er yn Denemarken, Noarwegen en Finlân omswalke om dêr yn de natoer ynspiraasje op te dwaan. In simmer lang skildere er yn Giethoarn. Moaie portretten hie er yn it Oeriselske makke, benammen fan âlde minsken by wa't in lang libben fan bodzjen en wrotten oan de rûne rêch, de kromme fingers en de ronfels en tearen ôf te lêzen wie. Hy hie yn de antlitten fan sokke arbeiders net allinne de striid tsjin de ivige earmoed werjûn, mar ek harren wiisheid. En de foldwaning, dat de bern it no better hiene en de bernsbern fierder leare koene. Hoe't er dat foarinoar krige, dêr koe hja net by, mar hy wist altyd in glâns oer syn modellen te lizzen, krekt as sieten dy minsken no yn it ljocht. Stadichoan hie er as skilder namme makke, der waard wol gauris wat fan syn wurk eksposearre en hy hie út en troch ek al ris in opdracht krige. Op in stuit hie er genôch jild oergarre om in tydlang alhiel foar himsels wurkje te kinnen. Doe wiene se tegearre nei it suden fan Frankryk gien en dêr wie hja hingjen bleaun, wylst Jelle ek noch in skoft op Korsika skildere hie.
Hja hie it yn dy tiid sels ek drok hân mei opdrachten. Wat langer wat mear hie se niget krige oan de bûnte wrâld fan de mearkes. Mearkes fan Andersen, mearkes fan Grimm, der wiene al ris tsien ferhalen út Tûzen-en-ien-nacht útkommen mei prachtige, kleurde platen en no hie har âlde útjouwer De Haan út Utert har oersetting fan de Frânske útjefte útbrocht mei tekenwurk fan Rie Cramer. Mei sokke moaie boeken hiene de útjouwers sukses en ek har namme wie hyltyd bekender wurden.
Doe't Dieuwke by har wenne yn Haarlim, hie se it sa regelje kinnen, dat dy ûnder har tafersjoch in boek út it Ingelsk oersette mocht foar | |
[pagina 272]
| |
Bruna yn Utert, letter hie hjasels noch in hiele rige fan Ethel Turner fertaald, wylst it sammeljen en skriuwen fan teltsjes altyd mar troch gien wie. In echt hielendal eigen boek hie se sûnt de skieding lange tiid net wer klear krije kinnen. Oan de iene kant kaam dat fansels troch al dy opdrachten dêr't hja altyd foarrang oan jûn hie, omdat der in wis honorarium oan fêst siet. Oan de oare kant moast se bekenne, dat hja ek jierrenlang de inerlike rêst en it selsfertrouwen mist hie om út eigen fearren fleane te doaren. Hyltyd hie it noch sa west, dat as hja stof socht út har eigen libben - lykas Nellie van Kol it har destiids oanret hie - der tefolle boppe kaam, dat hja leaver mar ferjitte woe. It oersetten hie har - krektoarsom - altyd wer ôflieding jûn fan har eigen fertrietlike tinzen.
Yn 1924 wie it har foar it earst wer slagge en krij in ferhaal op papier, dat yn Fryslân spile en dêr't in protte fan harsels yn siet. Faaks koe se dat letter nochris útwurkje ta in hiel boek en wa wit soe se dat dan wer yn it Frysk dwaan, lykas har debút destiids en it ‘âldwyfke’. Troch it skriuwen fan ‘Jetse’ wiene der in soad oantinkens oan it âlde doarp en har bernejierren boppe kommen. It gea dêr't men bern west hie, hold dochs altyd in apart plakje yn jins hert, hie se yn Frankryk gauris tocht, ek al hiene de bern en hjasels op dat stuit as echte keunstners dy't net bûn wêze woene, yn it bûtenlân libbe. Mar wie dy frijheid, dêr't hja sa grutsk op wiene, wol sa moai? It keunstnerskip wie ommers mar ien kant fan jins wêzen. Wiene jo as minske net riker as jo jo diel fan de mienskip wisten en dêr echt by hearden? In bytsje losslein as in fan hûs en hiem ferdreaune hie hja har soms ek wol field. De bern hiene dêr minder lêst fan. De ynternasjonale oplieding dy't hja hân hiene, hie har mear ta wrâldboargers makke as hjasels ea wurde kinne soe.
Dieuwke wie, nei't hja in lytse tsien jier allinne west hie mei har soan, yn 1922 wer troud. Har twadde man, Paul Johann Bay, wie in Switser, byldhouwer en arsjitekt. De hing nei it âlde wie har dochter wol folslein frjemd. En Jelle? Dy soe wol altyd in reizger bliuwe, salang't er syn neisten net allegear om him hinne hie. | |
[pagina 273]
| |
Wat hie er ferline jier, doe't er in skoftke by Piter en Sjouk yn Switserlân west hie, bliid west mei de wurdearring dy't syn heit doe lang om let foar syn wurk toand hie. Fan it stasjon yn Banyuls wie er fuortendaliks nei ‘Les Palmiers’ ta kommen om it har te fertellen. Hja woe leauwe, dat hjasels hast like bliid west hie as Jelle, dat Piter it portret dat harren soan fan har tekene hie, sa moai fûn hie. ‘Geweidich Jelle,’ hie se sein, ‘Heit is dus einlings bekeard?’ ‘Ja, alhiel, Mem. De tekening dy't ik dêrnei fan him makke haw is ek goed wurden. Ik sil Mem de sketsen wolris sjen litte. Dat koe ek net misse, fansels, ik wie sa bliid, dat Heit it no einlings iens is mei myn wize fan libjen! Hy hat ek sein, dat er miskien oars ek noch wolris in opdracht foar my loskrije koe. No't er oertsjûge wie fan myn keunstnerskip doarst er myn namme wolris hjir en dêr te neamen, sei er. Foarhinne hat er sa faak besocht om in fersekeringsman fan my te meitsjen; no sjocht er it sels, dat dat myn paad nea wêze kinnen hie!’ ‘Heit fynt grif wol in oar, dy't direkteur fan syn Neerlandia wurde wol, it is in bloeiende ûndernimming. Ik sil noait ferjitte, dat wy tanksij Pake Jelle syn goede soargen no betreklik noflik libje kinne, mar it hie fansels better en minskliker west, as Pake ús wat fan syn jild jûn hie, doe't wy it echt brek wiene. As ik der noch oan tink, hoe't wy doe yn Nieuweramstel omheukere hawwe en letter yn Utert yn dat lytse húske. Wat wie ik dan bliid, as ik foar De Haan wat skriuwe of bewurkje koe dat ris in tsientsje opsmiet. Tsien gûne, dat wie doe in stik bûter yn de brij. Tsjintwurdich soe ik hûndert freegje en it noch krije ek, tochtst net?’ Jelle knikte: ‘Fansels, Mem, Nynke fan Hichtum is in skriuwster mei gesach wurden! De útjouwers wurde der sels ek net minder fan, as Mem foar har wurket.’ ‘Dat sil 't wol, mar ik doch it foar de bern! Mar no oars wat: kinsto aanst ek even foar my nei it postkantoar rinne, Jelle? Dat komt my no ynienen yn it sin: der moat in pak mei boeken lizze, dy't Nico van Suchtelen my stjoere litten hat foar myn nije mearkesamling. Wachtsje ris, hjir, hjir haw ik syn brief. No moatst ris hearre: “Ynsletten fine jo in ûntwerp kontrakt. Wy hawwe it fan jo frege honorarium fan ƒ300 omsetten yn in tantjême, sadat jo ek foar de takomst by mooglike werprintingen op itselde honorarium rekkenje kinne”.’ | |
[pagina 274]
| |
Jelle wie begûn te laitsjen: Tantjême!’ ‘Jawis, wat seist dêrfan, Jelle? Tantjême. Dyn Mem is in kapitaliste wurden, wa hie dat tinke kinnen, mar ik bin der grutsk op, dat ik no myn eigen jild fertsjinje, sa is it al! Trijehûndert gûne, wat soe ik dêr destiids in protte mei dwaan kinnen hawwe. En noch, no kin ik moai Dieuwke ris wat stjoere. Hja krijt in grutte hushâlding sa njonkelytsen. Hans is in jonge yn 'e groei en no al twa lytse famkes fan Paul.’ ‘Ja, Mem, in goed idee, doch dat mar, dan lis ik der ek noch wat by. Heit hat my goed betelle foar syn portret.’
Doe't Jelle ôfset wie nei it postkantoar yn it doarp, hie se mei blidens tocht, hoe ryk har libben úteinlik noch wurden wie. Dêr siet se no yn it suden fan Frankryk op in prachtige neisimmerdei. Safier't hja de eagen weidzje litte koe, seach se in leaflik lânskip om har hinne. De brimmerheide dy't dêr oant djip yn de simmer grutte giele fegen ferve hie op de skeanten fan de bergen, wie no útbloeid, mar de pearse heide dy't derfoar yn it plak kommen wie, wie noch prachtich. In krûdige rook fan blaublomkes en lavindel luts imen en flinters oan. Harren sêft gûnzjen sweve yn de stille middei om har hinne. In bewyske swietrook fan de kamperfoelje dy't him fierderop om it strewelleguod hinne wynde, waaide har út en troch yn 'e noasters. Sa't de natuer om har hinne wyndere, fladdere har út en troch ek in tins troch de holle. Dieuwke hie it no goed mei Paul. Har Hans hie wer in heit. Al twa lytse famkes, ljochte krollekopkes op de foto's, lykas har eigen bern west hiene. Jelle soe strak wer by har komme. Piter hie him priizge om har portret. Sa fredich en lokkich as doe, hie se har yn har hiele libben net faak field. | |
2.Mear as in jier hie se dermei dwaande west har oantinkens te oarderjen en op te skriuwen en doe't hja it ferhaal rûn hie, miste se it suver, dat oereidzjen fan har eigen dingen en it staljen fan har libbensferhaal. No't se meastentiids allinne wie, wie it sa'n aardich tiidferdriuw wurden tusken it gewoane wurk troch. It hie har werk- | |
[pagina 275]
| |
lik goed dien, alles wat him ôfspile hie yn har libben, nochris rêstich yn har omgean te litten. De moaie dagen hie se op 'e nij belibbe en de fertrietlike likegoed en hja miende, dat se tinkend en skriuwend ek wol wat klearrichheid bemastere hie. Net dat it der noch oars fan waard, mar it die har dochs goed in bytsje mear ynsjoch yn har eigen bestean bewrotten te hawwen. As Piter syn boek aanst útkomme soe, wie se der klear foar. Syn oantinkens soene har net mear oermânsk wurde.
In wykmannich letter wie Jelle by har kommen mei in tsjok pak papier. Heit hie him frege syn manuskript ris troch te lêzen, fertelde er, foar safier't er der no klear mei wie. Jelle hie dat tasein en it boek, dat de titel ‘Wording’ krije soe, sekuer lêzen, mar no wie er der dochs wat mei oan. Hy tocht, dat er te min fan Heit syn ferline wist om oer dy syn tinkskriften oardielje te kinnen. Woe Mem se ek net ris lêze? Hy hie it Heit foarlein en dy hie gjin beswier. Hja hie skruten west om deroan te begjinnen. Lykas destiids by it ferskinen fan Rispinge hie se harsels in ynkringster field, dy't mei ûnbeskieden blik yn it priveelibben fan har eardere man omgnuve soe. Earst doe't Jelle der nochris by har op oanstien hie en Piter it har sels - op oantrún fan harren soan - yn in briefke frege hie, hie se de moed fûn om oan it krewei te begjinnen. Hja hie it manuskript tige mei sin lêzen. Net efterinoar troch, dêrfoar rekke it har te djip. Haadstik foar haadstik hie se it hiele boek trochnommen. Hyltyd besocht se om rêstich yn har omgean te litten, wat Piter krekt skreaun hie. Hja fûn it in oangripend dokumint, in tsjûgenis suver, dat hja net sûnder hertsear lêze koe. Hja bewûndere de skriuwer om syn ynset en wie suver ôfgeunstich wurden op syn ûnthâld, syn dokumintaasje, syn styl, mar dochs, dochs befredige syn foarstelling fan saken har net oer alle boegen. Oer it begjin koe se net oardielje. Har tocht, dat Piter syn eftergrûn, syn bernetiid en syn ûntjouwing ta jongfeint wol moai dúdlik delset hie. Hja hie him noch net kend yn dy tiid. Foardat hja echt, doe yn Grins, mei him yn 'e kunde kommen wie, hie se inkeld wolris wat oer him heard fan Clara van Loon of fan oare Ljouwerter kunde en hja hie doe fansels ek wolris wat lêzen fan dy jonge Fryske dichter, dy't him ‘Piter Jelles’ skreau. Oer syn famylje, de foarteam, it stamdoarp Teroele, syn beppe, | |
[pagina 276]
| |
mem en safolle oare minsken út syn bernetiid hie er har letter, yn de ferlovingsjierren, gâns ferteld, mar hja hie der net by west bygelyks, doe't syn heit foar de twadde kear troude, doe't Piter op 'e h.b.s. spul mei de leararen krige om de skoalkrante, doe't er de wyk nimme woe nei Parys en doe't syn lyts healsuske, mei wa't er sa wiis west hie, siik wurden wie en in wykmannich letter stoarn. Dy ferhalen seach se no yn Wording foar it earst yn harren ûnderlinge gearhing en it wie har as learde se Piter ûnder it lêzen op 'e nij kennen. Hja libbe mei him mei, bewûndere him en wier, hja wist dat it in oar nuver oankomme soe, mar hja krige suver wer in gefoel fan tagedienens foar dy dochs wol slim iensume studint dêr yn Grins, dy't mei al syn drokte en bravoure sa hertstochtlik om in hâldfêst socht hie. Dy't syn talinten sa graach ynsette woe foar in heger doel, mar dy't himsels soms noch sa min stjoere kinnen hie. En hoe fierder se kommen wie yn it manuskript, namste nijsgjirriger wie se wurden. Hoe soe er har - syn faam, syn muze, syn gewisse - in plak jaan? Hy hie it moai beskreaun, hja koe it net oars sizze, harren ferkea-ringstiid, de earste jierren fan it houlik, syn ropping, dy't er him bewust wurden wie by dy earste ien-maaie-manifestaasje yn Ljouwert yn 1890. It stie allegearre kreas yn syn boek te lêzen. Mar dochs: mear as ea wie it har dúdlik wurden, dat hy de dingen oars ûndergien hie as hjasels. Syn ferhaal hie in oare kant: en dat wie har ferhaal. | |
3.Wat hja dy nacht dreamd hie, wist se net mear, mar yn 'e iere moarn sa tusken sliepen en weitsjen yn hie se in glêshelder byld foar eagen krige fan de bosk by Wickersdorf. De sinne struide ljochtplakken op it paad dêr't hja doe rûn hie mei Piter en doe hie se ynienen - sa klear as nea earder - begrepen, dat it net harren leafde west hie, dy't hja dêr sa plechtich begroeven hiene, mar in yllúzje. In lege húl fan wat ea tusken har bloeid hie en frucht droegen. Yn dy simmer fan 1907 hiene hja ôfskie faninoar nommen, mar harren leafde hie al folle earder opbrûkt west. Dy hiene se te'n offer brocht oan it ideaal. Hja hie it fjoer brânende hâlde kinnen en it altyd wer opreakele as it | |
[pagina 277]
| |
drige út te gean, salang't hja it ideaal tsjinje kinnen hie. Dat hie har libben west. Doe't hja siik wurden wie en har taak as berêdster fan de hurd loslitte moast, wie der in sielleas bestean fan oerbleaun. It hie striid ferge, omdat hja it witten hie, doe ek al, dat hja kieze moast tusken har man en it libben tegearre. It ideaal easke de hiele minske, sa heech hiene se it en hja wie dêr te s wak, te lyts foar. In swiere kar hie dat west. In duvelsk dilemma, net minder. Hja hie der net útkomme kinnen en riddenearre en prakkesearre oant se der sljocht fan wurden wie. ‘Kalm libje,’ hie de húsdokter sein ‘en alle spanningen mije.’ Mar dy spanning hie no krekt har libben útmakke, de spanning dy't hja mei har man dielde yn de striid foar it ideaal. ‘It wurdt jo dea, as jo yn alles njonken jo man stean wolle,’ ornearre de spesjalist, ‘en hoe sil hy dan oerein bliuwe, as er sjocht, dat jo derûndertroch geane?’ Hoe hie hja kieze kinnen? Har offer foar syn lok wie ferrie oan harren striid, in offer fan him te freegjen betsjutte de ein fan harren leafde. Fan twa kweaden it bêste kieze, mar der wie allinne mar in ferkearde kar. Hja hie dermei ompakt en om en om, oant hja gjin oare útkomst mear sjoen hie as de dea. Uterste konsekwinsje fan in leafde dy't net langer te libjen wie. In ultime die út leafde. As it net om 'e bern west hie, wie se net bleaun. Doe't hja út it sikehûs kommen wie, hie se foar it each wer kalm west en evenredich. Hja libbe noch en dochs wie se fan binnen stoarn. Der wie wat brutsen, dat nea wer hiel wurde koe. Mar Dieuwke en Jelle en Heit... en Mem, altyd syklik. En Piter dy't net wist, hoe't er soe. Der moast wat barre: ôfspraken makke, in beslút nommen. Doe hie hja har skikt, mar gewoan goed koe it net mear wurde. Gewoan hie foar har net genôch west. Hja hie te heech rikt. Even hie se rekke oan it folsleine lok fan tegearre. Tegearre wurkje, tegearre stride, tegearre alles en eltsenien treast wêze. Tegearre stjerre, dat soe de uterste konsekwinsje west hawwe en safier hie hja net gean kinnen. Dus hie se har skikt en sa slim wie it ommers net om gewoan syn frou te wêzen, gewoan de mem fan syn bern? Yn har goede mominten hie se dochs noch altyd syn kammeraat west? Syn ‘kranige’ partijgenoate? | |
[pagina 278]
| |
Wat it har koste hie oan ûnfrede, oan sykte en oerspanning hie se efternei earst goed foar it ferstân krige. Yn har eigen eagen wie se te koart sketten. Hja wie har ûnthjit net neikommen, hja hie it hillich ideaal ferret, omdat hja net sterkernôch west hie. Dêr woe se har alle dagen wol foar ferûntskuldigje, mar hja hie gewoan net mear hân om by te setten. It hie gjin momint by har wei west, dat besef fan tekoart te sjitten, hja ûndergie it as in liiflike pine, dêr't gjin krûd foar woeksen wie. In sa spand lichem krimpt yninoar as it oanrekke wurdt. Nettsjinsteande har lyts postuer, dêr't hja har altyd slim bewust fan west hie, wie se harsels doe foarkommen as in langliddige skraits mei stive skonken en earmen. Hja koe har net bûgje ta koesterjen of koezjen, de hannen net mear rûnje ta streakjen. Kâld, kâld, sa yn- en ynkâld wie se, fan binnen en fan bûten. En neatich. Hja libbe in ûnnut bestean. It hiene de bern west dy't har oer dat gefoel hinne holpen hiene. Dy hiene har nedich en fregen, sûnder erch. Yn de lytse hantaasten dy't hja foar har dwaan koe, wie har gefoel wer ûntteid, der kloppe wer bloed yn har fingerseinen. De bern hiene net temûk har kant útsjoen, as der by fersin yn har bywêzen ris oer siik-wêzen praat waard, as der ris ien wie dy't it net foarinoar hâlde kinnen hie, ien dy't der út stapt wie. As de sûne egoïsten dy't jonge bern binne, hiene se Memme oandacht opeaske en spontaan har leafde yn ruil jûn. De eange sfear fan ‘soarch’ en fan ‘ûntsjen’ hiene se trochbrutsen mei har getsjotter, har gûlen en har laitsjen. En doe't hja âlder waarden, woene se dat hja mei har boarte en teltsjes die. In gewoane mem. En doe't hja útfûnen, dat hja dy ferhalen net foarlies, mar sels betocht hie, doe hie der oprjochte bewûndering striele yn de eachjes en hiene se hyltyd om mear frege. Sa hie se har stadichoan wer losmeitsje kinnen út it twangjak fan ‘net ynoarder’, ‘net goed’, fan ‘tuike, tuike’ ‘en tink der om: it doocht net mei har’. Letter hie har sukses as skriuwster har boppe de teloarstellingen úttild. Dat lytse eigen domein wie yn de rin fan de jierren wat wurden om fûleindich noed fan te stean. En hoe hie hja ûnderwilens mei har man libbe? Yn leafdefolle ûnferskilligens. Bestie dat? In sels opleine ôfstân út leafde? Gean | |
[pagina 279]
| |
dyn gong mar, Piter, it binne myn saken net mear! Hja hiene besocht inoar te ûntsjen, inoar net foar de fuotten te rinnen, de skyn fan in houlik op te hâlden. ‘Lokkich wêze is net it heechste doel yn it libben,’ hie se oan âlde Lourens Zandstra skreaun. ‘It komt der op oan te dwaan wat jins plicht is, foarsafier't dat yn jins fermogen leit.’ Hja hie stadichoan leard deryn te berêsten, dat har fermogens net grutter wiene. | |
4.It hie yn 'e iere moarn sa'n wûnderlike ûnderfining west om - wylst hja noch op bêd lei - dy hiele libbensgong ta folsleine klearrichheid te bringen. Krekt as wie se it net sels, dy't dat alles oertocht, mar waard it har ynjûn, foar har úttekene yn dúdlike bylden. De hiele dei hie se deroan tinke moatten, wylst hja yn harsels hyltyd fierder riddenearre oan de tiid fan no ta. Wat in seine wie it om sa lang libje te meien, dat men klear sicht krige! Der wie in gefoel fan grutte tankberens yn har opwâle en ynienen hie se dat mei Piter diele wollen. Faaks droech de sfear fan de krystdagen dy't hja krekt wer belibbe hiene, derta by, tocht se, dat hja sa'n mylde stimming oer har kommen field hie. It libben like even stil te stean yn 'e krieming nei it nije jier en de snie, dy't de wrâld op 'en ûnferwachtsten yn ûnskuldich wyt klaaid hie, beduts al it âld sear. Doe't hja middeis in ein oer it strân kuiere, hie it west, as wie se alhiel opnommen yn dy wide wite romte, krekt as sweve se in bytsje foar harsels út. Weach nei weach rôle mei macht en geweld op 'e kust oan en rûn dan stadich út oant der neat oars fan oerbleaun wie as in laachje skom op it sân. Hoefolle kilometer wie it eins hielendal fan Bergen nei Skeveningen, tocht se. En wannear soe Piter wer by de see lâns kuierje kinne? Hy hie sa siik west yn it jier, dat no hast al wer efter harren lei. Soe er wol ea wer gean kinne? No moast hja de sterkste wêze!
Gelokkich stie se der net allinne foar. It wie frjemd om te sizzen, mar soms tocht se wolris, dat har soan har eins neier wie, as har man ea west hie. Hja hiene inoar altyd al goed ferstien, ek sûnder wurden. Jelle hie noch mar sa'n beukerke west, doe hjitte er Dieuwke al | |
[pagina 280]
| |
om stil te wêzen, as er seach, dat Mem pineholle hie. En hy wie, neigeraden er sels folwoeksener waard, hyltyd mear har stipe en har taflecht wurden. Op 'en doer wiene harren libbens opinoar ôfstimd rekke, sa't it yn in houlik net iens faak foarkomt. Mar hy koe fansels net syn hiele libben mei syn âlde mem omtsjoene. Jelle wie ûnderwilens hast seisentritich jier en as keunstner hie er syn foarm fûn. No't er in leave frou moete hie, dy't as sjongeres begryp toande foar syn wat artistike wize fan libjen skildere er mei noch mear ynspiraasje. Hja tocht, dat as hja trouwe soene, dat Jelle dan ek nei Hilversum ta gean soe te wenjen. Tjac har dochterke wie gauris by har freonen Cor Bruijn en syn frou yn 'e hûs, as hja earne sjonge moast. By har hie Jelle har kennen leard. Hja hiene it der noch net oer hân, mar faaks soe hja dan ek noch wolris wer ferfarre. Wat moast se allinne yn Bergen?
Jelle hie koartlyn in nij portret fan har tekene en dêrmei hie er har de eagen iepene. Doe't hja it foar it earst sjoen hie, wie der wat mei har bard. It wie as by in foto, dêr't men soms ynienen in gelikenis mei Heit of Mem op ûntduts, dy't jin yn 'e spegel noch nea opfallen wie. Sa't dy frou op Jelle syn tekening har oanseach, sa ûnôfhinklik, dêr wie se oars fan wurden, wylst hja it dochs sels wie. Sûnt dat momint fielde se har moediger en flinker. Doe't hja fan har strânkuier thúskaam, wie se sûnder omhaal oan 'e tafel sitten gien om Piter te skriuwen. Hja woe him witte litte, wat se allegearre oertocht hie.
Bergen, dizze 30ste fan 'e wintermoanne 1926
Bêste Pyt!
Oan 'e ein fan dit jier, dêr't ik inerlik safolle fierder yn kommen bin, mei't Jelle my troch syn lêste portret my mysels mear bewust makke hat, fiel ik sa'n ûneinich grutte tankberens, dat ik dy ek in stikmannich tankbere wurden skriuwe moat. Ik tankje dy foar alles, datst my jûn haste. Winliken binne wy beide tankber foar itselde, soe ik sizze en dat is hjirfoar, dat it my jûn wie, dyn bêste Ik sa klear foar my te sjen yn de dreechste jierren fan dyn libben, en dat ik dy dêrfan it spegelbyld, dat yn my wie, altyd | |
[pagina 281]
| |
foarhâlde kinnen haw, asto yn de wrakseling de goede rjochting net altyd fuortendaliks seachst. My hat dat hege, suvere Ik sa'n protte jûn, dat ik yn mysels, as ik goed tasjoch, yn itfoarste plak ien grutte, ynlike tankberens fiel! Ik wit no ek dat tusken dy en my ál it uterlike weifallen is en dat tusken ús neat oars oerbleaun is, as dy grutte tankberens. Wat bin ik bliid, dat wy sa lang libje mocht hawwe, dat wy it no sá fiele kinne. Wa't fan ús no it earste weirekket, dy sil oars neat as seinigjende gedachten fan de oare om him hinne fiele.
Dyn frou wol ik ek tankje foar de opofferjende en tawijde leafde, dêr't hja dy no al jierrenlang mei fersoarge hat. Sá hie ik it net kinnen mei myn swak lichem en dat besef ik djip. En no mei it sa wêze, datst yn safier opknappe meist, datst dyn grut wurk noch foltôgje kinst en it nije jier minder pine en ellinde foar dy meibringt as it foarige! Dat wie hast te folle foar in minske!
Mei in stevige hân dyn Sjoukje
Hja lies har brief net mear oer. Hoeden as wie it de hân fan in deade, streake se it papier by it optearen. No hie se ôfskie nommen. Bûtendoar wie it fannijs begûn te snijen. Wyn en snie hiene har fuotprinten tichtwiske. Hja wifke even; doe sette se moedich in stap yn it suvere wyt. |
|