De oare helte
(1997)–Tineke J. Steenmeijer-Wielenga– Auteursrechtelijk beschermdNynke fan Hichtum, de frou fan Piter Jelles
[pagina 257]
| |
1.Sa hie ek har jongste syn bestimming fûn. Foar it earst sûnt jierren wie hja allinne mar Nynke. Gjin stimke moarnsier mear, dat rôp fan: ‘Beppe, beppe, wekker!’ Gjin grutte dochter dy't toanljedders oefene en út 'en treuren song fan ‘lalulolulalulalo’, ‘lilolilolalulalu’ en dan wer fan ûnderoan op. En gjin soan mear dy't har dielgenoat makke fan al syn tinzen en plannen: ‘Mem, as ik no ris...’, ‘Mem, wat tocht Mem derfan, as...’ en ‘Soe it ek sa kinne, dat wy...’ Hja hie der bliid om west, dat Jelle úteinlik in mooglikheid fûn hie om dàt berikke te kinnen, dat nei syn djipste oertsjûging syn libbensdoel wie. It moast syn hert no mar ophelje. Har bern wiene folwoeksen en moasten har eigen libben libje. Soms wie it har wol noflik, dat hja allinne mar mear mei harsels rekken hoegde te hâlden, mar de measte dagen makke de stilte har mankelyk en fielde se har deaûnwennich yn har eigen hûs. Hja moast wat útfine om de sinnen te fersetten! Oan it wurk gean, dat hie ommers altyd har behâld noch west. Wat hie Frau Fischer withoefaak tsjin har sein? ‘Jo binne in folslein minske op jo sels, Frau Troelstra, meitsje jo dochs net sa ôfhinklik fan jo man en fan jo bern!’ Hja wist bêst, dat se it sels dwaan moast: fannijs in doel sykje yn it libben, no't de bern har net mear nedich hiene. Mar hoe? Foar harsels koe se altyd mar min út 'e rie komme. Dagenlang rûn se as in aaisiik hin yn 'e keamers om. Hja koe it echt net mear fine yn dat Haarlimske hûs, dat hja destiids mei freugde en fol tagedienens ynrjochte hie foar Dieuwke en har lytse soan. Wat wie it no aaklik keal en stil! As hja boppe op Hans syn keammerke kaam en dêr yn it strak opmakke ledikantsje de âld bear mei syn iene each sitten seach, dan woe se it bist wol opkrije en tsjin har oantriuwe om tegearre in potsje te gûlen. Hja moast der mar ris wer wat faker op úttsjen, sei se tsjin harsels. Mar wêrhinne? De stêd hie har wer like fijannich like as doe't hja har fyftsjin jier tebek foar it earst yn Haarlim nei wenjen set hiene. Kuiere se troch | |
[pagina 258]
| |
de strjitten, by de skoalle fan de bern lâns en by har eardere hûs dan wie der safolle, dat oantinkens brocht oan de swierrichheden dy't hja doe hân hiene. Mei har ferstân wist se bêst, dat hy no yn De Haach wenne en oan it Spaarne neat mear te sykjen hie, mar dochs wie it har soms as doarme Piter dêr noch om. As hja de koepel fan de finzenis seach, dan ferskynde er har wer, sa't er doe bleek en fan it libben ôfkeard thúskommen wie yn dy simmer fan 1900. De earste dagen hie er tige stil west, mar stadichoan wiene de ferhalen kommen. Sa hie er har op in jûn, doe't de sinne wûndermoai tuolle en hja tegearre efter hûs nei de reade loft stiene te sjen, ferteld, dat op krekt sa'n stille, hoare jûn ‘De Stem des Volks’ foar him songen hie ûnder syn traaljefmster. Hy hie syn earen net leauwe wollen, doe't dêr ynienen it liet fan syn broer opklonk. Morgenrood, in 't worstelend zwoegen, hebben wij naar U gesmacht, en in nachten treurig duister Uw verlossend werk verwacht. Hy hie de wurden meipreuvele en de betsjutting djip oertocht. Se liken yn dy omstannichheden wol foar him persoanlik skreaun te wezen. It hie him oangrypt en sterke. Mar de direkteur fan de finzenis hie de sjongers dy't it dochs sa goed bedoeld hiene, nei hûs ta stjoerd, omdat er sa'n fertoan foar in detinearre sosjalist net lije woe. Doe't er him dat wer yn it sin brocht, wiene Piter de triennen yn 'e eagen spat. ‘Fuortstjoerd, Sjoukje, as wie it in keppel rudige hûnen! Mar ik haw nei har wiuwd, myn hân sa ticht mooglik by it rút, en ik bin der wis fan, dat hja myn groet ferstien hawwe. Hja moatte witten hawwe, wêr't ik siet. It die my sa oan!’ Alles wat er him yn it sin brocht, hie him nammers yn it moed taast. As er har wat fertelle soe fan syn ûnderfmingen yn de sel, wie er der samar ôf. Dat en syn minne skôging, syn skouwens foar ljocht hiene net mis te fersteane tekens west fan syn lijen. Piter hie altyd al in gefoelich man west, net ien hie dat better witten as hja, mar sa'n oergefoeligens, dat wie net gewoan. Der wie gjin twifel oan: foardat er syn taken wer op him nimme koe, moast er der perfoarst in skoftke út. It hie har in gefoel fan machtige rykdom jûn, dat hja doe in reiske foar har beiden betelje kinnen hie. Dat harren fakânsje yn Switserlân ferkeard wie yn it bywenjen fan in begraffenis, hie winliken alhiel past yn de tryste sfear, dêr't hja | |
[pagina 259]
| |
dy simmer yn libbe hiene. En doe't hja út Berlyn wei wer thúskommen wiene, hie de iene kwestje suver de oare jage. It like wol, as hie it spontane leauwen yn de foarútgong dat de sosjalisten yn de begjintiid sa'n besieling jûn hie, alle krêft ferlern. Dy foarútgong kaam wol, wis al, mar stapke foar stapke en och sa stadich! Dêr't de pioniers foar fochten hiene, mear frijheid, bettere arbeidsomstannichheden, mear kânsen op ûnderwiis foar de bern, it waard - ienris befochten - sa maklik aksepteard, as sei it himsels allegearre. En rjochtfeardich wie de situaasje noch lang net! Troch de yndustrialisaasje waarden de riken noch aloan riker en de arbeiders dy't mei har wurkkrêft de wolfeart beskreppe moasten, bleauwen earm. Yn de stêden dêr't hja hinne teagen, omdat dêr it wurk te finen wie, heukeren de lânarbeiders om, ûnwennich fan it doarp, fan har folk en har maten, wylst se de frisse lucht en de romte fan it frije fjild misse moasten. Piter en hjasels ek wiene doe sa njonkelytsen wol wiis wurden, dat it marxisme gjin antwurd jaan koe op alle libbensfragen; it wie in striidmetoade, gjin godstsjinst en lykas gâns meistriders hiene ek hja net langer mear samar leauwe kinnen yn de foarútgong. Hja hiene begripe wollen, de nije maatskippij net ôfwachtsje, mar der doelbewust op tawurkje. Doe wie har dúdlik wurden, dat harren grut doel in abstraksje wie, in fan fierren gluorkjende utopy. It wie har nea swier fallen om offers te bringen, salang't hja mar witten hiene wêrfoar. Doe't hja it fertrouwen yn in bettere takomst drigen kwyt te reitsjen, doe earst wiene se gewaarwurden, wat de striid harren persoanlik koste hie en doe hiene hja har ynienen âld en ynein field. Hie it it allegearre wol wurdich west? It spul mei de famylje, de earmoed, it stoefe wurkjen en de fernederingen? In politike partij lykas harres wie der foar de minsken en koe net oan de leden oplizze, wat in stikmannich teoretisy beriddenearre. De ienriedigens hie somtiden finaal fuort west en de lieding fan de S.D.A.P. wie dêrtroch de greep op de minsken kwytrekke. Mei Henriëtte Roland Holst dy't him wat langer wat faker it ferwyt makke dat er in opportunist wie, hie Piter spul krige oer de betsjutting fan it histoarysk materialisme en letter mei Herman Gorter - foarhinne dochs in echt persoanlike freon, by wa't de bern wol útfanhûs west hiene - oer de ferhâlding tusken partij en fakbewe- | |
[pagina 260]
| |
ging. Hja wiene fan de iene prinsipjele diskusje yn de oare bedarre. In ellindige perioade! En doe wie 1903 kommen mei de grutte stakings by it spoar. De earste waard in sukses, mar de twadde, dy't him ferbreedzje moatten hie ta in algemiene wurkstaking, wie útrûn op in ramp, net minder. Der hie yn it foar al grut ferskil fan miening west oer it stakingsmiddel as striidmetoade. En doe't it regear drige mei ‘wurgwetten’, hie Piter it de arbeiders ôfret om de aksjes troch te setten, mar de massa hie net mear nei him harkje wollen. Op it lêst hie Jelle nei skoaltiid út Haarlim wei de boadskippen en geheime ynstruksjes oerbringe moatten oan de stakingslieders yn Amsterdam. Wat hie hja doe wol yn noed sitten om de jonge! Hy wie ommers noch fierstente jong foar sokke grutminske-ferant- wurdlikheden, mar Piter hie gjin oare mooglikheid sjoen. Hy koe sels net bûtendoar komme of hy waard folge. Doe't de stakings mislearren, hie Troelstra it lilke bist west en skynde net ien mear te witten, dat krekt hy de arbeiders noch warskôge hie. Sa wie it altyd: as it mis gie, krige de lieder it op 'e skuld. Persoanlike oanfallen, beskuldigingen fan ferrie oan Piter syn adres, misledigingen, ûnberoaide útspraken yn de krante fan minsken dy't har yn de Keamer feilich bûten de diskusje hâlden hiene, neat wie har yn dy stakingswiken besparre bleaun. En foar wa wie efternei de soarch om de arbeiders, dy't mei ûntslach en útsluting straft waarden? En it meilijen mei harren húshâldingen? Hertferskuorrende tafrielen hiene har by harren hûs yn de Frans Halsstraat ôfspile. De wurkjouwers hiene ûnderinoar de ôfspraak makke, dat arbeiders dy't staakt hiene, fan net ien mear yn tsjinst nommen wurde soene. En dêr stiene de stakkerts: gjin oanslach en gjin útkearing, omdat de stakingskassen al lang leech wiene. It hie har sa oandeard, dy rigen tryste manlju dy't moarns by de fabriken gearhokken om mei de pet yn 'e hân om wurk te freegjen. Dy't neat leaver woene as de lea brûke en foar har húshâldingen yn 't spier wêze en dy't hyltyd mar wer fuortstjoerd waarden. En dan de froulju dy't - ien en al opsternatens - by har oan de doar kamen om Piter de pochel fol te skellen. Dy't har skriemende lytse bern foarholden en fregen oft hja soms klean foar dy herterkes keapje soe en iten? En wat hiene hja dwaan kinnen? Hja hiene sels yn dy jierren ommers amper in sint te fertarren hân. Dieuwke en Jelle doar- | |
[pagina 261]
| |
sten soms hast net iens mear allinne nei skoalle ta te rinnen út eangst dat hja earne opwachte wurde soene. It hie doe west, dat hja har tsjin har útjouwer Van Dishoeck ûntfalle litten hie, dat it libben har wolris te swier wie en dat ien as hy der gjin aan fan hie wat men as sosjaal-demokrate trochstean en ferneare kinne moast.
Nee, as hja oan dy eardere Haarlimske jierren weromtocht, dan krige se it gefoel, dat hja doe altyd libbe hiene yn in sfear fan fertochtmakkingen, ferwiten en fijannichheid. De stêd wie moai en hie foar oaren grif genôch te bieden om der noflik wenje te kinnen, mar foar har hong de benearing fan destiids noch oer de pleinen. Hja fielde it alle dagen: hjir hiene se de slach ferlern. Yn Haarlim koe se net mear aardzje. | |
2.Op in middei doe't hja nei it stasjon rûn om foar de ferdivedaasje dan mar wer ris by Dieuwke en Hans yn Amsterdam te sjen, waard se har ynienen bewust, dat har ek noch wat oars dwers siet: Sjouk. Yn Haarlim wie Sjouk Oosterbaan yn harren libben ferskynd. Dyselde strjitte lâns hie Piter mei Sjouk har kofferke rûn op wei nei de trein. Dêr hie er doe ôfskie fan har nommen. Mar hoe wie dat winliken gien destiids? Hiene hja doe faaks daliks al ôfpraat it kontakt oan te hâlden? Hie Piter har opsocht as er yn Fryslân wie op ien fan syn propagandareizen? Hiene se mei-inoar briefke? Inoar yn Haarlim fannijs moete, wylst hja siik yn Skeveningen lei? Hie Dieuwke doe nei kostskoalle moatten, omdat har heit gjin pottekykster brûke koe? Nee, sa lyts mocht se net tinke! Mar Antsje Legendal wie noch in jiermannich yn Haarlim bleaun, neidat hja nei Skeveningen ôfset wiene. Hie Sjouk miskien noch geregeld by har west? Hiene hja oer har praat? By hokker lju hie Antsje doe eins tsjinne? Hoefolle minsken wisten yn Haarlim fan de skieding en fan Piter syn twadde houlik?
‘Ho, tink derom, mefrou, jo rinne hast tsjin my op. Sa yn tinzen? Wêr wolle jo hinne?’ | |
[pagina 262]
| |
Ferbjustere bleau se stean. In har folslein ûnbekende man hie har by it skouder beetkrige. ‘Binne jo wol ynoarder, mefrou? Fiele jo jo wol goed? Kin ik soms helpe?’ ‘Nee, nee, neat te rêden. Ik sil nei de trein.’ ‘Mar jo binne it stasjon al foarby, hear!’ Hy lake en wiisde nei it gebou efter har. Yn sân hasten betanke se him en draafde doe sa hurd as har fuotten har drage woene nei it loket. Yn de trein droane it har noch hyltyd troch de holle op de kadâns fan de giseljende tsjillen: Sjouk Oosterbaan, Piter Troelstra, Sjouk Oosterbaan, Piter Troelstra, Sjouk Oosterbaan en Py-y- yt. De trein remme ôf. ‘Halfweg, stasjon Halfweg,’ rôp de kondukteur.
Mei Dieuwke hie se dy middei praat oer wat har sa dwers siet. Dy sei, dat hja destiids sels graach út Haarlim wei wollen hie om dy hiele stakingsellinde ferjitte te kinnen. By Simon en Juut Maas hie se har ek net rjocht thús field. Hoe âld hie se doe west? Trettsjin, fjirtsjin? En dan by sokke krekt-troude lju yn. Hja hie har hyltyd it fiifde tsjil oan 'e wein field. Miende Mem, dat hja om Sjouk fuortgien wie? Unsin! Heit hie har geregeldwei opsocht by de famylje Maas, hy wie wol gauris in trein oerbleaun as er út Amsterdam nei hûs weromreizge, mar har, Sjouk Oosterbaan, hie se nea wer sjoen oant hja yn de simmer fan 1905 fan de kostskoalle wer thúskommen wie. Sokke dingen moast Mem har net yn 'e holle helje, dêr wie no echt neat fan oan. Hja hie der noch wat tsjinyn bringe wollen, mar Dieuwke hie har konklúzje al ree hân: ‘Ik soe mar moai yn Haarlim bliuwe, as ik Mem wie, it wennet dêr ommers rêstich en Mem sit moai sintraal.’ ‘Ja, mar Dieuwke, de minsken sjogge my sa oan en hja wize my nei.’ ‘Allegearre ûnsin, dat tinkt Mem mar, neat as oerstjoere fantasijen. En al wie it sa, wat dan noch? Neat fan oanlûke!’ ‘Sil ik net leaver nei Amsterdam komme, dan kin ik Hans ek wer wat faker sjen en sit ek tichter by Jelle yn Laren?’ ‘Doch dat no mar net. Ik bin bliid as Mem út en troch ris in dei komt, mar ik wol no wer myn eigen libben hawwe en foar Hans is dat ek better. Foar Mem sels nammers ek. Mem soe wer oan it wurk gean!’ | |
[pagina 263]
| |
Dat wist se dan mar: hja woe sels net mear yn De Haach wenje, omdat hja Piter en Sjouk dêr algeduerigen tsjin it liif rinne koe; yn Haarlim pleagen de oantinkens har te bot om der har ea noch noflik deljaan te kinnen en Dieuwke seach har leaver ek net yn Amsterdam. ‘Ik wol myn eigen libben hawwe,’ sa selsfersekere hie har dochter dat sein. Hja woe wol, dat se sels sa wis wie. Doe't Jelle net lang nei dat petear mei Dieuwke, útsteld hie, dat Mem nei it Gooi komme soe, omdat er by him yn de buert in aardich ûnderkommen foar har wist, hie se mei alle wille en moai hastich har selsstannich bestean der wer oan jûn. Jelle woe syn skilderlessen sels betelje, hy wurke hurd. Soe er wol genôch om himsels tinke? Mei syn lang, skraal lichem hie er net folle om by te setten. Hy moast yn alle gefallen goed ite. As hja tichterby him wenne, koe se in eachje yn it seil hâlde. | |
3.‘In liefde Bloeiend’ hiene hja destiids yn jeuchlike oermoedigens op it buordsje by dy Arnhimske fotograaf skreaun, dêr't hja mei Clara en Lykle in ferlovingsfoto meitsje litten hiene. De sinspreuk fan de Amsterdamske rederikerskeamer. De âlde Haarlimmers hiene in oare libbenshâlding útdroegen. ‘Trou moet blijcken’ hie it motto fan ‘De Pellicaen’, de Haarlimske keamer, west. Yn it byld fan dy fûgel fûn se wat fan harsels werom. Hja mocht har der wrachtich wol foar hoedzje de bern net sa stiif fêst te hâlden, dat hja stikten ûnder har leafde. Hja soe alles foar harren lok jaan wolle, mar jin it boarst iepen pikke sa't de fabel oer de pelikaan hawwe woe, om jins piken mei eigen hertebloed wer ta libben te bringen nei't men har earst út leafde deatreaun hie, soks wie net foar minsken weilein. Piter hie it foar de sosjalistyske beweging ek net kinnen, hoefolle fan himsels oft er ek offerje wollen hie. Nettsjinsteande it idealistyske stribjen fan de Ynternasjonale en de mei soarch yn de lêste tsientallen jierren opboude kontakten tusken bewegingslju út ferskillende lannen, stiene no Frânske en Dútske bruorren yn de rinfuorgen foar inoar oer en it gie om dea. | |
[pagina 264]
| |
Doe't de oarloch útbrutsen wie, hie Piter - hast tsjin better witten yn - him noch tige ynset foar it organisearjen fan in fredeskonferinsje. Hy wie nei Berlyn reizge, nei Stockholm, Kopenhagen, Wenen en Bern om de mooglikheden te bepraten it buro fan de Sosjalistische Ynternasjonale fan Brussel oer te bringen nei Nederlân. Yn Kopenhagen hie in gearkomste west mei de besibbe partijen út de oare neutrale lannen; in yn Stockholm te hâlden konferinsje dêr't ek de oarlochfierende lannen fertsjintwurdige wêze moasten, wie dêr taret. Underwilens hie er noch in wiidweidige brosjuere skreaun oer hoe't de sosjaal-demokraten oer de oarloch tochten. It wie gjin wûnder, dat dat alles mei-inoar wer ris te folle fan syn krêften ferge hie en dat er, neidat er mentaal ynstoart wie, no al wer in skoft folslein rêst hâlde moast.
Jelle dy't yn Laren hast alle dagen wol eefkes by har delkaam mei ferhalen oer syn skilderlessen, oer syn wurk en syn freonen, hold har yn dy wiken trou op 'e hichte fan Piter syn tastân. Heit hie earst twa moanne op 'e Feluwe west, mar soe no besykje út te finen oft de oarlochssituaasje taliet, dat er meikoarten nei Vevey yn Switserlân reizge om dêr wer alhiel op ferhaal te kommen. De dokter hie him net allinne rêst foarskreaun mar ek feroaring fan lucht. Sjouk hie al oan it pakken west, doe't Jelle koartlyn noch even by harren west hie. ‘Hiest boadskip oan Heit?’ frege se, ‘of seachst samar ris even by him?’ ‘Och Mem, ik wit, hoe't Heit him de oarloch oanlûkt, hoe't it oan him fret, dat der no arbeiders mei it gewear yn de hân foar inoar oer steane en dat it âlde biedwurd “Proletariërs aller landen verenigt u” in deade letter wurden is. Al dat reizgjen en dat ûnderhanneljen hat fansels fierstente swier foar him west, ik frege my ôf oft ik him net nochris, lykas doedestiids yn Haarlim, fan tsjinst wêze koe as boadskipjonge. Heit fielt him sa machteleas en ik soe him graach helpe wolle, mar foarearst mei er him fan syn dokter hielendal nearne mear mei bemuoie.’ Hja besocht har yn te tinken, wat dat foar Piter betsjutte moast, machteleas ta te sjen, feroardiele ta ôfsidigens. It soe him grif ynbrâne! Doe seach se har soan wer oan, dy't noch net útferteld wie oer syn | |
[pagina 265]
| |
besite oan Heit, dêr yn ballingskip, yn De Lutte. ‘En ja, Mem, der wie ek noch wat oars en dat wie eins de oanlieding foar myn reis nei Heit-en-dy. Muoike Haukje hie my skreaun, dat ik sa gau mooglik Heit syn adres trochjaan moast oan in Douwe Kalma, in jongfeint út Ljouwert dy't de lêste tiid wakker foar master, skynt op te slaan yn de Fryske Beweging. Hy wol meikoarten in blomlêzing útjaan, dêr't fansels ek fersen fan “Piter Jelles” yn moatte. Ik woe fan Heit witte, hoe't dy dêrûnder stie. It fernuvere my, dat Muoike oan my skreau en Heit net sels befrege hie. Dat fan dy fersen wie him wol goed, sei Heit, mar doe't ik noch in opmerking oer Muoike Haukje makke, die er och sa ôfhâldend en Sjouk begûn fuortendaliks oer wat oars. Ik krige der gjin hichte fan.’ ‘Jimme heit en Muoike Haukje hawwe noch altyd spul,’ sei se. ‘Dat skynt sa, mar dat is dochs slim, Mem, dat Muoike net iens wit, wêr't har iennige broer tahâldt. Eartiids hat hja safolle foar him dien. Dat hat Heit ús faak ferteld, dat Muoike Haukje as in mem foar him west hie, doe't er studint wie.’ ‘Dat bin ik folslein mei dy iens, mar sjoch, Jelle, Muoike hat it jimme heit destiids sa kwea-of nommen dat er my yn de steek liet, dat hja net mear mei him prate woe. En dat hat hja folholden, no al acht jier lang! Dat hie om my wier net hoegd. Dat myn eigen susters it mei my holden, achte ik fanselssprekkend, mar Haukje, dat hat my wol wat dien, sa'n trou. Likegoed hie harren skeel no fansels al lang út de wrâld wêze moatten, mar ik kin dy dit wol sizze, as Heit it noch ea wer goed hawwe wol, dan sil hy de earste stap wol sette moatte.’ ‘Dat kin ik net goedkrije, Mem. Acht jier lang lilk bliuwe! Heit hat omtrint syn hiele famylje oan de dea ferlern, moat Muoike no libben dea foar him wêze? Ik sil him wolris sizze, wat ik dêrfan tink.’ Jelle skodholle en suchte. ‘Sa'n stiifkoppigens, dêr kin ik net oer. Ik begryp dat net. Dan moat Heit de minste mar wêze en Muoike om ferjeffenis freegje.’ ‘Dat soe in goed ding wêze, Jelle. Haukje is Strang foar oaren en it meast oer harsels. Hja hat net in maklik libben hân. Altyd yn 'e skrep foar it ien of oar. Hja hat yn stilte in protte goed dien. Eartiids, doe't Pake noch wethâlder wie, doe beneamde er syn âldste dochter yn alle mooglike komitees foar maatskiplik wurk. Sa hat se har | |
[pagina 266]
| |
pleechdochterke ek yn 'e hûs krige en no is hja in echte mem foar dy lytse Hanna. Hja wie altyd tige wiis mei har broer; ik soe der bliid om wêze, as it no einlings wer goed kaam.’ ‘Ik doch myn bêst, Mem!’ ‘Och, witste, Jelle, it is ommers no al wer sa lang lyn, dy skieding. Ik haw sels, leau ik, sa lilk net iens op Heit west as jimme muoike. Mar ik koe it ek better begripe, fansels. Haukje hie dy behelprige tastân by ús troch myn ivich siik-wêzen net meimakke. En hja woe fan my net oannimme, dat net ien man dat op 'en doer úthâlde kinnen hie.’ ‘Ik moat deroer neitinke, Mem, mar der moat wat op fûn wurde. Ik gean no earst wer nei myn atelier. Faaks skriuw ik Heit jûn noch wol, hy is no noch net fuort.’ By de doar hie Jelle him nochris omdraaid en sein: ‘Sjoch, Mem har susters en de neven fan dy kant hawwe wy allegearre koartlyn noch sjoen by de begraffenis fan Omke Willem. Wat soe ik it moai fine om de Troelstra's no ek wer ris byinoar te hawwen en dan net om sa'n fertrietlike reden, fansels, dat begrypt Mem wol. Muoike Sylvie en Grytsje en Muoike Rike en Omke Klaas Brok mei de lytse famkes en dan Dieuwke en Hans derby fansels en Muoike Haukje en har pleechbern. Dat soe Heit eins ris regelje moatte, de hiele famylje útnoegje. Takom maitiid mei syn jierdei of sa, as er dan alteast wer alhiel better is. Dan lit er Sjouk mar ris thús om Muoike Haukje temjitte te kommen. Giet Mem dan ek mei?’
Echt Jelle wer, hie se tocht, doe't hja him neiwiuwd hie. It soe har ris nij dwaan, oft er dat foar inoar krige, sa'n famyljereüny. Mar oft se dat sels dan opbringe kinne soe om dêrhinne? En soe hja, Sjouk, dat wol lije wolle? Hawar, dat seagen se dan wol wer. Hja soe sels Haukje ek wer ris skriuwe. ‘Trou moet blijcken’ en it hie dochs krankyl fan har skoansuster west, dat dy sa har wâl ophâlden hie. As har nij boek aanst út wie, soe se lytse Hanna ek ris ien stjoere. Hoe âld wie it famke no al wer? In jier of sân, acht? Grytsje fan Durk en Sylvie krige ek meast ien fan har presint-eksimplaren. Of soe Haukje dat net op priis stelle? Mearkes, dêr hie hja it nea net op stean hân. Elfen en ierdmantsjes bestiene net en bern koene net jong genôch leare, wat der yn de wrâld om hear gie. Oer sokke din- | |
[pagina 267]
| |
gen hiene se erflik strideraasje hân. Haukje fûn, dat hja de bern ferpopke en yn in ûnwerklike wrâld libje liet. As Dieuwke en Jelle eartiids by Pake útfanhûs kamen, dan hie Muoike harren earst ûnder hannen nommen. It stof fan de reis wie mei hurde hân fan de beukers ôfskrobbe en dan hiene se stevige klean oankrige, dy't der tsjin koene by it boartsjen. Haukje hie har de krollen út it hier kjimd en allinne mar wier barde ferhalen foarlêzen sûnder tsjoensters en feeën. By har hiene de bern op 'e tiid oan tafel sitten en hja hie har sûn en streksum iten op 'e panne skept. Sa hearde dat en it fatsoen fan in boargerlike húshâlding hie Haukje altyd heechhâlden. Hja hie wolris it gefoel krige, dat har man syn âldste suster djip yn har herte de mem fan dy lytse útfanhuzers ek wolris yn de tobbe dwaan wollen hie om wat in fiksere húsfrou fan har te meitsjen. |
|