De oare helte
(1997)–Tineke J. Steenmeijer-Wielenga– Auteursrechtelijk beschermdNynke fan Hichtum, de frou fan Piter Jelles
[pagina 207]
| |
1.Yn 'e hjerstmoanne fan 1907 wie se foar de twadde kear út Dútslân weromkommen, no om har yn Utert te fêstigjen. Hja hie dêr ferskriklik tsjinoan soarge om allinne - as skieden frou - op 'e nij te begjinnen yn de stêd dy't hja tsien jier earder sa moedich en fol yllúzjes ferlitten hie as frou fan Piter Jelles Troelstra, ien fan de earste leden fan de nije Sociaal Democratische Arbeiders Partij dy't yn de Twadde Keamer keazen wie. Doe't hja lykwols yn 'e neisimmer fan 1907 út de trein wei de Uterter Dom wer sjoen hie, doe hie se ynienen tocht: hoe't myn libben ek oant yn it fûnemint ta oantaast is, dy grize toer stiet dêr noch krekt sa as altyd. De stiennen wachter like sa heech en sterk yn de mylde glâns fan dy moaie septimberdei, de karakteristike kontoeren skerp ôftekene tsjin in djipblauwe loft. Sierlik, trochskinend, fragyl suver mei de iepen-wurke omgongen, mar mei syn âlderdom fan ieuwen tagelyk ek as in symboal fan bestindigens! Hja hie har nettsjinsteande de mankelikens om wat foarby wie, dochs wer wat moediger field by it idee, dat dy trouwe grize toer tenei ek wer oer har en har bern weitsje soe. En doe't hja de klok slaan hearde, krekt op it stuit, dat hja mei har soan it stasjon útrûn, doe wie har dat as in persoanlik wolkom-thús.
Hja hiene it - sa'n tsien, tolve jier lyn - hjir yn Utert wol swier hân, tocht se de oare deis, wylst hja yn it nije hûs skjin papier tearde oer de rimmen fan in kast, mar it hie ek in tiid fol fan besieling west. Faaks wol it bêste skoft fan har houlik, efternei besjoen. Yn Utert wie de kammeraatskip taastber wurden. Dêr hiene se har einlings droegen field troch de tagedienens fan freonen en meistriders. Doe't hja ferhuze wiene nei De Haach hiene se har in moaie foto fan Piter jûn yn in kassette mei in kalligrafearre tankbetsjûging derby en de hantekeningen fan wol sa'n fyftich partijgenoaten. Omdat har stipe op de eftergrûn fan sa grutte betsjutting west hie. Wêr soe dat portret eins keard wêze? Hja krige it even krap, doe't se al dy doazen, kisten en koffers om | |
[pagina 208]
| |
har hinne seach, dy't de oantinkens ferburgen oan in libben dat foarby wie. ‘Ophâlde,’ spriek se harsels flink ta, ‘no net sentiminteel wurde, Sjoukje! Hiest dy fêst foarnommen tenei allinne foarút te sjen en it ferline earst mar ris in skoft rêste te litten.’ Beret joech se har oerein om de strjitte út te eagjen. Kaam Jelle der noch net wer oan mei de boadskippen? Wat hie se juster bliid west, doe't hja har soan op it stasjon yn Kassel, dêr't hja oerstappe moast, stean sjoen hie! Jelle wie lang wurden en begûn yn hâlding en wize fan dwaan mear en mear op syn heit te lykjen, mar yn de freonlike, mylde trekken fan syn antlit koe se noch altyd har eigen heit, syn pake Bokma de Boer, werom fine. Har soan hie har geweldich holpen oant safier. Hja mocht der wol foar oppasse, dat hja net te folle fan him frege, no't hy tenei de iennige man yn 'e hûs wêze soe. Hy wie ek noch mar in jonge mei syn sechtsjin jier! Dieuwke wie krekt achttsjin wurden; it soe foar har âldste grif net tafalle en libje wer ûnder Memme dak. Hja moast der om tinke it fanke har frijheid te litten, oars krigen se miskien gau spul. Dieuwke hie no al omtrint twa jier op harsels wenne fanwegen har muzykoplieding. Hja hie lykwols, doe't hja fan de skieding hearde, spontaan oanbean in hûs foar har trijen te sykjen. Hja soe har eigen keamers dan wol opsizze, as Mem ek yn Utert kaam, dat wie goedkeaper en húsliker. Hja hiene ôfpraat, dat se de bern sels kieze litte soene by wa't hja nei de skieding wenje woene. It die har goed, dat hja beide by har bliuwe woene. Hja koe net tankber genôch wêze foar de tagedienens dy't Dieuwke en Jelle har toanden, mar hja soe ek besykje har net fan Piter te ferfrjemdzjen. Sokke bern yn 'e puberteitsjierren hiene likegoed ferlet fan harren heit. Hoe't hja dat ha moast, wist se noch net, mar dat soe him ek wol wer wize, hja moasten earst mar ris wat te stoel en te bank wêze en in bytsje fertroud mei de nije situaasje. Hja seach nochris nei buten. Dy Oosterstraat wie wier net ûnaardich en it hûs waard har ek al wat eigener no't hja hjir en dêr in ding fan harsels delset hie. Al mei al fielde se har wol wat ferreizge, mar dochs lang net sa dea-ûngelokkich as hja it har yntocht hie. Dat hja der goed oan dien hie en gean net wer nei De Haach werom, dêr wie se wis fan. It soe ferskuorrende pynlik wêze Piter en Sjouk no noch | |
[pagina 209]
| |
wer tegearre yn har hûs te sjen. Noch altiten it hûs fan Mem en fan Jette nammers yn har tinzen. Nei't it opknapt en op 'e nij ynrjochte wie, hie hja der amper in pear gelokkige moannen yn wenne, doe wie se wer siik wurden. Piter syn brief, dy't hja yn Dresden krige hie, wylst hja foar de twadde kear by Frau Fischer ûnder behanneling wie, hie har in skok jûn en dochs, as hja earlik wie, moast se tajaan, dat syn nijs net alhiel ûnferwachts kommen wie. Doe't hja noch thús west hie, wie it har ek al wolris opfallen, dat it bysûnder goed akkordearre tusken har man en de jonge frou, dy't hja oansteld hiene as húsfroufaam. Stille tekens dêr't hja doe gjin acht op slaan wollen hie, mar efternei besjoen hiene dy har warskôgje moatten. Warskôgje? Wêrom eins? Wie it wol sa slim, wat der bard wie? Hja hie yn it earstoan sels ek tige wiis west mei Sjouk Oosterbaan. De hiele húshâlding hie se fol fertrouwen oan har oerlitten, doe't hjasels by 't maitiid fannijs nei har dokteres ôfreizge wie. Hie dat dan net moatten? Unsin! It hie net oars kinnen! Frau Fischer hie de lêste strie like, dêr't hja har noch oan fêstgripe koe. Hja hie mei ynspanning fan alle krêften harsels safier krige, dat hja nei har sykte de lange treinreis nei Dresden wer dwaan koe. It foarútsjoch fan in behanneling dêr't hja - wa wit - dochs nòch in kear baat by hawwe kinne soe, hie har de moed jûn om de holle net alhiel hingje te litten. Nei de foarige kuer hie se har ommers sûn en foar it earst sûnt jierren wer lokkich field? It koe wol! Har tastân wie net hopeleas! Dat hie se harsels withoefaak foarhâlden. Hja wie net ûngenêslik siik!
Yn de winter nei har thúskomst yn it moaie Haachske hûs hie se wer in swiere gryp oprûn. Doe't hja yn jannewaris 1906 it berjocht krige hiene, dat Piter syn heit op stjerren lei, hie se net iens mei har man mei nei Ljouwert gean kinnen om de âlde Jelle Troelstra by te stean yn syn lêste oere. It hie ek noch ferskuorrend min waar west dy wike, in protte snie en diken dy't amper begeanber wiene. De begraffenis, de ôfwikkeling fan de neilittenskip, it oerbringen fan it kantoar fan de Neerlandia nei Skeveningen mei alle drokte dy't dêrmei anneks west hie, it wie allegearre by har lâns gien. Mei hege koarts hie se op bêd lein en hja hie amper beseft, wat der him yn har eigen hûs ôfspile. | |
[pagina 210]
| |
Sjouk Oosterbaan hie der doe foar soarge, dat de dingen dy't dien wurde moasten, dien waarden. Hja hie mei de bern nei in winkel west om donkere klean te keapjen, hja hie de kollega's en kunde te wurd stien, dy't oan 'e doar kamen om Piter en har te kondolearjen, hja hie har - sa soarchsum as ien - ferplege. Sjoukje hie in enoarme stipe west yn dy dagen: hja hie de bern fan de trein helle, doe't dy allinne yn De Haach weromkamen, mei't Heit nei de begraffenis fan Pake yn Fryslân bliuwe moatten hie om mei syn susters de saken te regeljen. En letter, doe't Piter sels ek wer thús kommen wie - ynein en fertrietlik, omdat syn heit wei wie en ek syn âldershûs no definityf sletten - doe hie Sjouk him opfongen, meilibjend en leaf, sa't it yn har aard lei. De húshâldster hie har yn dy dagen ûnmisber makke en it hie har allegearre wol goed west. Wikenlang hie hja as in bline figurant op bêd omtoarke en mar hiel stadich wie se wer wat by de wâl opklaud. Wie it har doe - as hja ris in healoerke opsiet, ûnder yn de wenkeamer - al opfallen, dat Piter húsliker wurden wie en dat der mear waarmte yn syn lûd kaam, as er mei Sjouk prate? Hja wist it net en winliken moast hja har dêr no ek mar net mear yn bejaan. It wie gien, sa't it gien wie. Sokke dingen barden tusken minsken. It hie duorre oant de folgjende maitiid ear't hja wer sa fier better west hie, dat hja fan de húsdokter reizgje mocht en doe't hja dan dy simmers fan 1907 wer yn Dresden wie, hie Piter har skreaun dat er ek komme woe, nei ôfrin fan de gearkomste fan de Sosjalistyske Ynternasjonale yn Stuttgart, omdat er wat wichtichs mei har beprate moast. Hy hie har yn dy brief daliks al ferteld fan de nije leaf de dy't opbloeid wie yn syn herte en hy skreau ek, dat er om wille fan har en de bern dêr wol tsjin fjochtsje woe. Alteast, dat soe er besykje wolle, mar hy hope fansels, dat hja har idee fan in skieding no op 'e nij yn har omgean litte woe. Ferslein wie se nei Wickersdorf reizge, nei dy oansizzing fan grut ûnheil, want sa hie se it fuort al field: as wat fataals dat net mear te kearen wêze soe. De freonen fan it ‘Landerziehungsheim’ hiene har hertlik ûntfongen en dêr hie se doe mei Piter praat, dagen en nachten lang. Neidat hja de earste skok fan syn bekentenis te boppe kommen wie, hie se, doe't Piter dêr sa by har west hie, noch wol reedlik reagearje kinnen. Dêr wie se efternei och sa bliid om. Wat hiene jo oan sênes | |
[pagina 211]
| |
en bittere ferwiten? It hie har fernuvere, dat hja har suver hast as in mem foar har man oer field hie, in mem dy't troch har grutte soan yn betrouwen nommen waard oer in faam dy't syn herte stellen hie. As it tagelyk net sa sear dien hie, hie se der hast noch om laitsje kinnen. Piter wie ek sa jongeseftich ûnderstboppest! Hy hie syn ferealens mar amper bedimje kinnen, as er oer Sjouk prate. Hy hie him yn de jierren fan harren houlik wolris faker betsjoene litten fan in pear moaie eagen. Dat hie hja dan wol fernommen oan hoe't er him mei soarch klaaide, oan hoe't er by it skearen yn de spegel seach en syn snor boarstele. It hie har stutsen, mar nea djip ferûntrêste. Meast duorre soks net salang. Mar dit wie oars as alle foarige kearen! Hy wie ynienen har Piter net mear.
Yn in hast serene sfear hiene se dêr yn Wickersdorf tegearre in brief foar it bestjoer fan de S.D.A.P. opsteld. Hja woe har man graach helpe om de skea dy't in skieding sûnder mis foar syn reputaasje betsjutte soe, safolle mooglik te beheinen. ‘De quintessens van mijn liefde voor hem was, dat ze geven wou, dat ze hem wou sterken en gelukkig maken! De drang daartoe gaf haar altijd opnieuw voedsel en... nu ze dat niet gekund heeft, is ze gestorven. Ge ziet dus, dat ook elk medelijden voor mij hier overbodig is. Ik hoop sterk en vast te staan in mijn nieuw leven, nu ik deze verantwoordelijkheid mis, en hoop voor onze kinderen een ernstige leidsvrouw te zijn. Ik heb dit alles zo uitvoerig geschreven, om aan u de gelegenheid te geven, de zaak van de rechte kant te bekijken en een edele partijgenoot niet met kleine maat te meten!’
Hja hie it allinne noait sa moai betinke kinnen, mar doe't hja dat skreaun hie, fier fan hûs en yn it waarmst fan de simmer, nei't hja lang en breed oerlein hiene oer de meast gaadlike wurden, doe hie se it dochs echt miend. It wie foar him ek net allinne mar moai waar en lange dagen. It soe him noch swier genôch falle alle krityk te fernearen. Syn tsjinstanners soene har fergrieme: trouwe mei de húshâldster, in ienfâldich famke, dat achttsjin jier jonger wie! Hy hoegde him wier gjin yllúzjes te meitsjen. De skieding soe ‘gefundenes Fressen’ wêze foar de boargerlike parse! En de eigen minsken? Dat hie se ek op in pypfol. Dy harren solidariteit, dêr hiene se ek staaltsjes fan sjoen yn de jierren dy't efter har leine! It partij- | |
[pagina 212]
| |
bestjoer hie alris earder in brief fan har krige! Wat hie se doe lilk west, doe't it bestjoer Piter sa yn 'e kjeld stean litten hie nei dy mislearre stakings yn 1903. En de lêste jierren lieten guon it ear fierstente folle hingje nei de agitaasje fan de saneamde ‘Nieuwe Tijdgroep’. Yn Het Volk waarden dingen skreaun dy't yn striid wiene mei wat Piter yn de Keamer sei, dat makke nei bûten ta in minne yndruk. Syn liederskip wie net sa fanselssprekkend mear as tsien jier tebek. Hja hie oprjocht en ynmoedich hope, dat har brief derta bydrage soe in skandaal tefoaren te kommen. Yn dy dagen dat er dêr yn Dútslan noch by har west hie, hie se har sterk en moedich field, in bytsje heldhaftich suver. Komselden hiene se, salang as hja troud west hiene, har tegearre sa yngeand mei elkoar en mei harren gefoelens oer en wer dwaande hâlden. Hie Piter wol ea sa folslein de tiid derfoar nommen om nei har te harkjen? It moaie, stille waar, de bergen, de suvere lucht en de steatlike spjir-rebosken, alles like derta mei te wurkjen, dat hja yn in sfear fan ferheven grutmoedigens ôfskie nimme koene faninoar. Plechtich hiene se harren leafde begroeven. Letter, doe't dy dagen har al as in ûnwêzentlike idylle foarkommen wiene, hie se har wolris ôffrege, hoe't hja it opbringe kinnen hie? Hie it Piter syn neiby-wêzen west? Koe er har noch altyd betsjoene mei syn sjarme? Of hie har leafde foar him echt sa grut en ûnbaat-suchtich west dat hja bliid west hie op it lêst dochs noch in offer foar him bringe te kinnen? Wie it in boetedwaning foar alles, wat hja him oandien hie mei har swakke senuwen en har kwalen? Ienkear allinne hie se net sa wis mear west fan har djipste driuw-fearren. Hja wie ek mar in minske! Soe der net in krom idelens mei mank west hawwe? Hja woe graach, dat er oan har tinken bleau, sa't hja wie, as se op har bêst wie: moedich harsels weisiferjend, krigel en leafdefol. Hy mocht ris spyt krije! | |
2.Doe't hja safier mei har prakkesaasjes kommen wie, seach se krekt har soan oankommen. Hastich rûn se nei de doar ta. De jonge hie de hannen fol mei in tasfol boadskippen en in grutte plant. | |
[pagina 213]
| |
‘Sjoch Mem, in bloeiende beltsjeblom, ik fûn it hjir noch sa keal mei dy lege finsterbanken en ik hie noch sinten oer fan wat Heit my jûn hie foar de reis. Is Mem al in blompôt tsjin kommen? Ik sil aanst wol fierder helpe, hear, om de kisten út De Haach út te pakken. Sjouk hat der fan alles yn dien, dêr't Mem mar ferlet fan hawwe koe. Hja woe neat hâlde, dêr't Mem in sin by hie, sei se.’ Al pratende wie Jelle nei de koken rûn. Sûnder har oan te sjen sei er doe: ‘Ik mocht Sjouk eins altyd wol lije, Mem, mar ik fyn it sa nuver, dat hja no by Heit heart. Dêr kin ik net goed oer.’ ‘Dat is skoan te begripen, jonge, it moat foar ús allegearre noch wenne.’ ‘Dat sil 't wol, mar hja moatte net sa flau dwaan! Hja binne soms sa grien en Sjouk neamt him “Heit”. Fynt Mem dat net raar? Hy is har heit dochs net!’ ‘Lit dy beide no mar, Jelle; wy sille ús dêr mar net te folle yn bejaan. Heit hat foar Sjouk keazen, no moatte se har ek mar rêde tegearre. Hy sil jim grif slim misse, Dieuwke en dy. Ik wit noch goed, hoe't dat wie, doe't jimme op kostskoalle wiene.’ Jelle seach har oan as leaude er har mar amper. ‘Miskien kinst straks yn de krystfakânsje wolris by him sjen?’ ‘Dat wit ik net, hear! Dat wol ik noch net tasizze.’ Dêrmei wie dat petear foarearst út. Hja moast der mar net te gau fannijs oer begjinne, tocht se. ‘Hat Mem al tee? Ik wol aanst avensearje mei it útpakken. Moarn komt Dieuwke har guod der noch by, dan hawwe wy noch mear rotsoai.’ Hja glimke om har soan. Jelle wie in gefoelich bern en dit wie syn remeedzje: oanpakke en in bytsje stoer dwaan. Leaf oars, dat er dy blom foar har kocht hie! Hja woe him eefkes oer it no koart knipte ljochte hier strike, mar hy warde har hân ôf. Gjin flauwichheden, begriep se, dêr wie er te grut foar! In skoftlang pielden se swijend fierder.
Doe't Dieuwke in dei letter kaam mei twa grutte koffers fol klean, muzykboeken en ditsjes en datsjes om har eigen keamer gesellich te meitsjen, like it al hiel oars yn it nije hûs. Mei Jelle hie se de meubels teplak set en de kasten ynromme. Hy hie de hiele boekekast kreas foar har oardere, wylst hja de liifdracht en al it lekken- en han- | |
[pagina 214]
| |
doekespul opburgen hie yn de grutte linnenkast op har sliepkeamer. Yn de wenkeamer hie se in wurkhoekje foar harsels ynrjochte, sadat hja aanst noflik sitte koe te skriuwen en har dochs net alhiel fan de húsgenoaten ôfsûndere, as hja oan it wurk wie. Hja hope, dat hja dêr gau wer de rêst foar fine kinne soe. It soe nedich wêze wat by te fertsjinjen! En it soe ek goed wêze foar har selsrespekt. As skriuwster wie se harsels en dat wie justjes mear as allinne mar de skieden oarehelte fan har man.
Hja wie yn it nije hûs boppe ferwachting gau oan in tsjinstfaam slagge: dy hie op ien fan de earste jûnen dat hja yn de Oosterstraat wiene, samar by har op 'e stoepe stien mei de fraach oft ‘Buurfrou’ miskien ek in fikse help brûke koe. Hja wenne fuortby en woe daliks de oare deis wol begjinne. Hja hie it famke yn 'e hûs noege om even mei har prate te kinnen. It hie har wol in aardich en fiks bern talike en har slim bewust fan it feit, dat hja sokke beslissingen tenei sels nimme moast, hie se dy Aagje van Beusekom doe mar daliks ynhierd. Dat ‘Buurfrou’ hie it him dien, hie se letter wolris tocht. Dat wie sa echt op syn ‘Utrèchs’! It hie har de waarmfielende en meilibjende froulju út de begjintiid fan harren wurk foar de Beweging wer yn 't sin brocht. Aagje wie krekt sa'n juwiel, oprjocht, earlik en mei it hert op de tonge. Hja prate it platste Utrechts, dat men jin tinke koe. In sjongsum taaltsje hie se dat altyd fûn, mei dat ‘waar?’ oan 'e ein fan hast eltse meidieling. As fregen se hyltyd om befêstiging fan har wurden. Dat hie Aagje oars net nedich. It bern wie handich en beret as ien. Hja hie har yn koarte tiid paadwiis makke wat winkels en leveransiers oangie. De faam wist moai krekt te fertellen, wannear't der farske fisk wie en hokker boerinne smaaklike aaien yn 'e koer hie. Suterige negoasjemantsjes stjoerde se sûnder pardon foarby, mar as der jonges út Bunnik oan de doar stiene mei apels dy't moaier en goedkeaper wiene as wat hja op 'e sneonsmerk op it Paardenveld oan fruchten krije koe, dan wie se samar út 'e rie. Aagje wie yn alle silen mak, hja koe de stêd as har skelksbûse en wie sa sunich mei it húshâldjild, as gou it har eigen sparpot. Yn koarte tiid makke se harsels folslein ûnmisber. | |
[pagina 215]
| |
3.Winliken gauwer as se ferwachte hie, wie hja doe wend rekke oan it libben sûnder Piter. Troch de bern krigen de dagen in fêst patroan: Jelle reizge nei de h.b.s. en Dieuwke hie op oere en tiid har lessen en har wurk by Catharina van Rennes. Aagje regele de húshâldlike saken. Ut en troch bleau der foar har sadwaande bêst ris in skoftke oer om yn te skriuwen. Dêr wie se bliid om, want it libben mei twa sokke grutte bern wie djoer. Wat in húshâlding koste, dêr hie se eins gjin idee mear fan hân, doe't hja dy simmers mei Piter bepraat hie, hoefolle alimintaasje hja nedich hawwe soe. Sjouk hie de lêste jierren by harren de ferantwurding foar de útjeften droegen! Sûnt hja beskikke kinnen hiene oer de erfskippen fan de âldelju en einlings alle skulden betelle wiene, hie hja har net mear om jild bekroadzje wollen. Hja soe it wier net oer de balke smite, mar mei dat deade jild woe se har nea wer de holle brekke. No fleach it har wolris oan: Jelle wie sa yn de groei, dat er hyltyd nije klean brek wie. Fan de útris dy't hja foar him kocht hie, doe't er nei kostskoalle gien wie, paste him al lang neat mear en sels it kreaze pak, dat foar Pake Jelle syn begraffenis kocht wie, waard al wer te lyts. As hja him seach yn dat netsjese mar wol wat âldske habyt, wie it ien en al meagere jongesearmen en skonken. It koe him sels it measte net skele hoe't er der by rûn en hy woe perfoarst net, dat hja deroer yn siet, mar hja miende sels wol krekt te witten, hoe't de minsken yn 'e buert oer har rabben en dêr woe hja út noch yn gjin oanlieding ta jaan. ‘Dy jonge fan Troelstra is wol in aardich jochie, waar? Mar hy rint der mar frijwat suterich by.’ ‘Ja, buurfrou, syn heit moat no twa frouwen ûnderhâlde, waar? Sa'n mislearre advokaat!’ ‘Dat sit yn it Parlemint, buurfrou, en sil in oar fertelle, hoe't it moat en sels de kat yn it tsjuster... fertel my wat!’ Hja koe de nocht oan ûnnocht en it leedfermeits fan de minsken en woe net, dat de bern it belije moasten. It wie foar Dieuwke en Jelle al dreech genôch om de skieding emosjoneel in bytsje te boppe te kommen. Hja waard der soms muoilik fan, as hja seach, hoe slim beide harren heit misten. Dan twong se harsels wer om ek de goede kanten fan it | |
[pagina 216]
| |
nije libben foar eagen te hâlden. Hja geniete der fan har grutte dochter en har soan wer alle dagen om har hinne te hawwen en it gie dochs ek boppe ferwachting goed mei harsels? Hja fielde har befrijd fan in protte soargen dy't har jierrenlang delbûke hiene. De hert-kloppings bleauwen út, pineholle pleage har noch mar komselden en de rêch die har allinne noch mar sear, as hja te folle yn 'e hûs omskrept hie of krekt te lang stil yn ien hâlding sitten hie te skriuwen. En tanksij Frau Fischer hie se winliken nea mear lêst fan de senuwen.
Hja woe trochsette mei it skriuwen, al soe it dan miskien earst noch mar wat lyts wurk wêze. Hja leaude net, dat hja al de rêst fine koe om har te konsintrearjen op in hiel nij boek, lykas Afke's Tiental destiids, mar koarte ferhaaltsjes of wer ris wat neifertelle, dat soe faaks wol slagje. Koartlyn wiene der noch in stikmannich mearke-boekjes útkommen dy't hja yn 'e mande mei Jette bewurke hie. Soks soe se faaks no ek wol wer foarinoar krije kinne. Hja wie as skriuwster yn it Frysk begûn. As hja noris fannijs útein sette koe mei in boek yn de memmetaal, dat soe in moai idee wêze! Hja wie mar bliid, dat hja sûnt dat earste boekje altiten har pseudonym brûkt hie. As skriuwster koe se deselde bliuwe, al wie se skieden. Soe se Rinze van der Velde net ris freegje kinne, oft dy wat seach yn in boekje fan har hân? Dy hie doe de boekwinkel fan Noë op 'e Nijstêd yn Ljouwert oernommen en joech wolris wat Fryske dingen út: ek berneboekjes, hja hie se wol ta resinsje hân. In deimannich neidat hja har tsjinsten oanbean hie, krige se al antwurd út Ljouwert. Van der Velde hie krekt in gaadlik kreweike foar har, skreau er. Hoe koe it sa treffe? Hy hie tige bliid west mei har brief. De jonge tekener Tsjeard Bottema hie nammentlik in hoartsje lyn by him west mei platen dy't er makke hie by it ferhaal fan it âld wyfke, dat in houten duit fûn hie. Dat koe hja grif ek wol en oars moast se it mar ris neilêze yn dat boek, dat âlde Waling Dykstra gearstald hie oer it Fryske folkslibben. Hy woe dy tekeningen wol brûke om der in moai kleure printeboek fan út te jaan en it soe him tige oanstean as Nynke fan Hichtum dêr dan de teksten by meitsje wolle soe, sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk. Hoe like har dat ta? No, dêr hie se fansels fuortendaliks ‘ja’ op sein. Tsjonge noch ta, it | |
[pagina 217]
| |
koe hast net moaier! It teltsje fan it wyfke, dat in duitsje fûn. Wat hie Beppe dat yn Renkum faak opsein foar lytse Dieuwke en letter foar Jelle! Mar wat koe se no freegje foar soks? It wie fansels gjin eigen wurk, eltsenien koe dat reltsje dochs? Fan de baarch en de hûn, de stôk en it fjoer, it wetter, de okse, de line, de mûs en de kat dy't úteinliken it meast behelpsum blykte te wêzen? - Hoe einige Beppe dan ek altyd wer? O ja, ‘Huorre! Huorre! Huorre! De baarch is yn de skuorre!’ Prachtich hiene de bern dat fûn, alle kearen wer! Hè, no woe se wol, dat hja soks noch mei Piter oerlizze koe. Wat siet in minske dochs tsjinstridich yninoar! Grutsk op har selsstannigens en dochs wer ferlet fan goerie fan har man. Mar wêrom soe it eins ek net kinne? Hy hie no ienris mear doel oer sokke dingen. Oare wike soe Piter in middei komme, omdat der noch wat saken regele wurde moasten, foardat de skieding offisjeel útsprutsen wurde koe. Dan koe se dit ek wolris mei him beprate. Hja wist net rjocht, oft hja der no tsjinoan seach om him wer te moetsjen of dat hja der djip yn har herte dochs noch nei útseach? Hja wie noch lang net frij fan him. Soe se har wol goed hâlde kinne, as hja him seach? As de oantinkens har mar net oermânsk waarden! Hja tocht tsjintwurdich in soad oan it ferline. Oan de dingen dy't hja tegearre trochmakke hiene. Wat wist sa'n Sjouk dêr eins fan? Hjà hie mei Piter yn de striid stien yn de swiere pioniersjierren, hjà hie mei him lit ûnder de leffe oanfallen fan Domela, de konflikten mei syn heit en de earmoed dy't dêr it gefolch fan west hie. Soks joech in bân, dy't net ien oait hielendal losskuorre koe, woe se hawwe. Hoe hie it west, doe't er syn earste grutte ferkiezings-oerwinning behelle hie? Op it stasjon yn Utert hie er har de krânse dy't de freonen foar him meitôge hiene, om de skouders hongen en sein, dat it geweldich wie, dat hja hìm huldigen, mar dat de oerwinning nea sines wurden wie sûnder de geweldige stipe fan de frou, dy't dêr njonken him stie. Hja hie him de blommen gau wer jûn, mar wat hie se har doe grutsk field! Moaie en drôvige dingen hiene hja belibbe yn de Beweging. Sa hie se it ek altyd hearlik fûn, as Piter minsken mei nei hûs ta naam, omdat hja dan eefkes it gefoel hie der echt by te hearren. Troch har oplieding en de wize, dêr't har âlden har op grutbrocht hiene, hie se altyd goed mei sokke gasten prate kinnen. Soe Piter | |
[pagina 218]
| |
syn húshâldster no meinimme as er pommeranten út de ynternasjonale arbeidersbeweging ûntfange moast? Dat soe dochs gjin pas jaan! | |
4.In dei of wat letter seach se yn 'e krante, dat Piter him der net om bekroade, wat yn har eagen passend wie en wat net. ‘Mr. Troelstra en zijn jonge vrouw waren in de hoofdstad aan het station om hun Belgische partijgenoten te begroeten,’ lies se. Wat in mislediging! It rekke har oant yn it djipste fan har siele. ‘Zijn jonge vrouw’! Skytmerakels! Hja wie noch altyd syn frou, de skieding wie noch net útsprutsen! Hold er dan hielendal gjin rekken mear mei har gefoelens? En mei de bern? Dat hoegde hja dochs net te akseptearjen? It wie net te fernearen! Hja pakte der de hiele dei mei om. ‘Zijn jonge vrouw’. Moasten der ris bern fan komme! Hja waard kjel fan it idee. Dêr hie se noch net iens by stilstien, mar it koe fansels maklik. Piter hie ferlet fan oanhâld, dat hie nea oars west en Sjouk wie noch gjin tritich, net iens twa jier âlder as hjasels west hie by harren trouwen. En amperoan njoggen moanne letter hie Dieuwke der al west. Hja hope beleaven mar, dat er maatregels naam. As Sjouk ek noch yn ferwachting rekke, wie it drama folslein. Hja soe har eigen bern net mear rjocht yn de eagen sjen doare út skamte om harren heit.
Doe't Jelle dy middeis út skoalle kaam, wie se foar it earst sûnt tiden wer ferlegen fan 'e pineholle. ‘Hat Mem wer sitten te pikerjen?’ frege er. ‘Ik woe wol, dat Mem wer oan it wurk gie, dat soe ôflieding jaan. Ik fûn it altyd gesellich, as Mem ús jûns foarlies, wat Mem oerdeis skreaun hie. Kinne wy net ris tegearre in boek meitsje? Mem it ferhaal en ik de tekeningen? Tekenje is it iennige fak op dy hiele rotskoalle, dêr't ik nocht oan haw. Wol Mem as Heit komt net freegje oft ik fan skoalle mei? Ik wol net langer leare, ik fyn der neat mear oan; dy leararen hjirre binne allegear like âlderwetsk. Yn it “Landerziehungsheim” hie ik der folle mear nocht oan.’ Hy soalde syn tas mei boeken ûnder de kapstôk. | |
[pagina 219]
| |
‘Ik wol der freed wol mei Heit oer prate,’ hie se letter tsjin him sein doe't hja tegearre in bakje tee dronken, ‘mar do moatst der mar net op rekkenje, dat Heit it goedfine sil, datst de h.b.s. net dien makkest. Hy fynt it grif wichtich, datst dyn diploma hellest, sadatst letter studearje kinste. Heit wol dy graach as syn opfolger hawwe yn de Neerlandia.’ ‘Dêr prakkesearje ik net oer, Mem, dat doch ik net! Heit moat net miene, dat er my op in kantoar opslute kin. Ik jou neat om sifers en sinten. Ja, ik wit wol, dat Pake Jelle dat woe. De lêste kears, dat ik by him en Muoike Haukje útfanhûs wie, moast ik ek mei him kuierje jûns nei iten, it nije Kanaal om, lykas Heit ús altyd fertelde fan eartiids, en doe hat Pake my ek fan alles oer syn fersekeringsmaatskippij ferteld, oer de resultaten, de jieropbringst en de preemjes, oer A-poalissen en B-poalissen en wit ik it allegearre, ik snapte der neat fan. Ik wol letter net op sa'n stom kantoar sitte, hear!’
Doe't it dy freeds hast sa let wie, dat Piter komme koe, wie se perfoarst oars as oars. Hja hie wakker har bêst dien om it hûs kreas oan kant te hawwen en de foarige jûns wie se betiid op bêd gien om der sels ek in bytsje goed út te sjen. Hja fielde skoan, dat it har net ûnferskillich liet, hokker yndruk hja op him meitsje soe. Nuver senuweftich fielde se har foar dizze earste moeting mei har man, dy't no har man net mear wie. Har man kaam om noch wat dingen te regeljen, hiel gewoan! Hja koene dochs noch wol gewoan mei-inoar prate? Hja hiene gjin spul hân, wol? As ferstannige minsken wiene se byinoar wei gien. No sà! Mar al hie se wol tsien kear tsjin harsels sein, dat hja noris ophâlde moast mei dat oerdwealsk gedoch, hja koe har dêr dochs net tsjin fersette. Doe't de skille gie en hja Aagje nei de doar rinnen hearde, sloech it hert har achtentachtich en wie se mar bliid, dat hja noch even sitten bliuwe koe, wylst de faam Piter holp mei syn jas en syn hoed. Soe er har aanst in tút jaan? ‘Tutte,’ skold se op harsels, ‘hâld no op mei dat famkesgedoch!’ Dêr wie er! ‘Goeie, Sjoukje,’ sei er neutraal en stuts har de hân ta. ‘Bliuw mar sitten, ju! Is it goed mei dy? En mei de bern? Binne se net thús? Do wennest hjir aardich, in freonlik hûs.’ | |
[pagina 220]
| |
Hy seach om him hinne, as wist er net rjocht, wat er moast yn dy frjemde keamer mei dochs allegearre fertroude dingen. ‘Wie dat dyn nije tsjinstfaam niis, dy't my iepen die? In kreas fanke, wêr hast dy sa gau weifûn?’ Hy hie in earm nei har útstutsen: ‘Kom, lit my dy ris besjen! Do sjochst der better út as lêstendeis. Giet it wat aardich tsjintwurdich? En mei de pineholle? Brûkst noch in protte medisinen?’ It foel har op, dat Piter sels ek senuweftich wie: hy prate mar troch en stelde de iene nei de oare frage sûnder in antwurd ôf te wachtsjen. Dat makke har wat minder ûnwis. Weardich wie se oerein gien, wylst se frege, oft er tee hawwe woe. ‘Ik bin bliid, datst der bist en datst ús nij domein noris besjen kinste,’ sei se sa effen mooglik, wylst hja by him del run, ‘ik sil Aagje sizze, dat hja it teeblik binnen bringe kin.’ Oant safier hie se har knap hâlden! Mar doe't hja de keamer wer ynkaam en Piter fol oandacht foar har boeken by de kast stean seach, doe joech har dat dochs wer in skok. Hy wie der wer! Dêr stie er libbensliif! Har man! Hja seach syn rêch, syn lang stal, dat er heal oerside bûgd hold om de titels lêze te kinnen. Wat wie er har dochs troch alles hinne dierber! As er no ris frege, oft er bliuwe mocht? As yn in flits skeat it har troch de holle en hja koe de gedachte net keare. As er noris sei, dat er mis west hie, dat it allegearre in fersin wie, in opstiging dy't al wer oer wie. Dat er der spyt fan hie, har miste, om ferjeffenis frege? Hja soe him yn 'e earmen slute, hja hie gjin ferwar. Hja soe syn leave holle streakje, him tsjin har boarst lûke en sizze, dat it goed wie, dat alles wer ynoarder komme soe. O, Piter! Hja wie der finaal ôf. Hiel har soarchfâldich oertochte strategy wie se kwyt. Hja hie him de wierheid sizze wollen, him ferwiten meitsje, om wat har sa misledige hie, mar hja koe gjin wurden mear fine. Dêr stie de man dy't hja leaf hie, noch altyd. Aagje hie de doar efter har ticht dien. Hja wiene wer tegearre. No soe er it sizze: ‘Sjoukje, Pop, ik kin net sûnder dy, wolst my ferjaan?’ Dêr draaide er him nei har ta... Wêrom sei er it no net? Hy rûn nei in stoel ta en gie sitten. ‘Sjoukje,...’ Wat? Fan alteraasje hie se net iens goed harke. Hja moast ek in stoel krije. | |
[pagina 221]
| |
‘... en ik ken de hân fan ús soan werom yn hoe't dyn hûs ynrjochte is. Jelle ûntjout him aardich, de jonge hat bepaald wat artistyks.’ It gie oer Jelle. It woe mar stadich yn har del: hy hie it net oer har. Hja suchte djip. Dat hja har no noch altyd sa meislepe liet troch har fantasije! Yn 'e fierte hearde se Piter noch praten. Wêr hie er it oer, noch hyltyd oer Jelle? Hja moast de holle der by hâlde, neat skine litte! ‘Hoe docht er it op skoalle? Went it al wat? Ik wol perfoarst, dat er de h.b.s dien makket, hear Sjoukje, do moatst der op tasjen, dat er serieus wurket. Hy kin aardich tekenje, mar hy moat him net yn 'e holle helje, dat er dêr letter syn brea mei fertsjinje kin. Foar Dieuwke leit dat wat oars, dat is in famke. Dieuwke is wol yntelligint, mar hja hat nea in learder west sasear. Hawar, hja sjocht der aardich út, dat bern fynt skielk wol in geskikte man, dêr sit ik net oer yn. Lit har earst noch mar in skoftke mei de muzyk ompiele, as hja dêr nocht oan hat. It famke hat in moaie stim.’ ‘Dieuwke wurket oars ek, hja fertsjinnet as assistinte fan mefrou van Rennes mear as har lessen kostje, al is hja dan màr in famke!’ It hearde skriller as hja wollen hie, mar se wie al bliid, dat hja wer in pear wurden útbringe koe. Hja moast ferheftich slokke. Godskes, noch ta! Net sa trilje! Hy mocht neat oan har fernimme! ‘It falt my ôf-grys-lik ôf, wat al-les kos-tet mei dy grutte bern,’ hearde se harsels sizzen. It klonk as in leske. ‘Do moatst der foar soarg-je, dat ik wat mear jild om han-nen krij, Piter.’ Dat wie der út! Hja hie harsels godtank wer wat yn 'e macht. No trochsette, har net fannijs fan 'e wize bringe litte! ‘Dan moatte jimme yn De Haach mar om in lytser hûs sjen.’ ‘Dat binne wy ek fan doel, fansels, dêr hiene wy al plannen foar makke, hear. Ik sil dy sizze, hoe't wy dat yn 'e holle hawwe. Sjoch, Sjoukje, eh, Sjouk sil 'k mar sizze, wennet no earst tydlik oan de Waldeck Pyrmontkade. Nei ús trouwen, dat steld is op jannewaris, ferfarre wy nei de Paulus Buijsstrjitte. Dêr komt skielk in geskikte wenning frij. Sit der mar net oer yn, dat wy dan noch te folle jild ferwenje sille, hear! De hier foar jimme mem har hûs haw ik al opsein. Haw mar gjin noed!’ Wat die er no wer heechhertich! As wie hy de iennige dy't wat regelje koe. Hja fielde dat dat har lyts makke. Dêr hie se nea oer | |
[pagina 222]
| |
kinnen, as er sa'n faderlike goederbêsttoan tsjin har oansloech. Hy wie har heit net en hja wie net gek! ‘Mar ik woe dy oars noch wat freegje, Sjoukje.’ Syn lûd wie sêfter wurden. ‘Ik soe stommegraach wolle, dat de bern der aanst by wiene by ús houlik. Dieuwke en Jelle hearre likegoed by myn libben as by dines.’ ‘Mar net by Sjouk harres en hja hawwe foar my keazen!’ rôp se der fûl oerhinne. ‘Bedimje dy, hearst eins wol, wat ik freegje? Do reagearrest sa oerstjoer. As wy net yn it reedlike prate kinne, gean ik fuort. Dan sil ik de bern wol in brief skriuwe om te freegjen, oft hja komme wolle. Wêrom dochst no sa dwers?’ Hja fernaam oan de skerpte fan syn lûd, dat Piter syn geduld ferlear. ‘Sjoukje de Boer,’ sei er en it hearde ûnmeilydsum, ‘do witst krekt likegoed as ik, dat it mei ús net langer koe. Ik hie der ûndertroch gien, ik gie finaal kapot oan ús houlik! Ik hie myn wurk net mear dwaan kinnen, wylst de partij my noch net misse kin. Twa jier lyn seachsto dat dochs ek yn? Doe hast sels sein, datst my wol frij litte woest, as dat foar my en foar alles better wie. Wêrom dochst no dan sa, sa, as wiesto de fermoarde ûnskuld?’ ‘O, Piter, ik tocht niis, datst, ik bedoel no'st hjir wieste. Ik woe dy, ik hope, datst wer by my, om de bern, och lit ek mar.’ Hja barste yn gûlen út. Ferbjustere seach er har oan. ‘O, nee dochs, yn 'e goedichheid, do tochtst dochs net? Tochtste, dat ik ek mar ien amerij? Miendest dat ik by dy weromkomme soe, slûksturtsjend? Sjoukje, nee dochs?’ Hja hie swijend knikt en de rêch stiif tsjin it bekling fan de stoel oantreaun. It leafst soe se no yn syn earmen krûpe wolle, om har treastgje en soeikje te litten. Dan mar lyts wêze! Mar hy luts in izige muorre fan ôfstannelikens op. ‘No moatsto ris goed nei my harkje en foar iens en foar altyd ophâlde mei dat romantysk en dramatysk gedoch fan dy altiten! Wat Sjouk foar my betsjut, dat sil ik dy net besykje út te lizzen, omdat ik dy net op it sear komme wol, mar do moatst goed begripe, dat der gjin kwestje fan is, hearst it, gjin kwestje fan, dat ik ea spyt krije sil fan myn beslút om fan dy te skieden en mei har te trouwen. Ik wol datst dat goed witst, foar no en foar altyd! Wurd no doch einlings ris folwoeksen, minske!’ | |
[pagina 223]
| |
Hy gie oerein en rûn nei de gong om hoed en jas fan de kapstôk te krijen. ‘Ik sil dy wol skriuwe, as der noch wat is. Asto dêr dan net oer kinste, is it better, dat ik hjir mar net wer kom. Ik winskje dy it bêste! Wolst de bern fan my dachsizze? It muoit my, dat ik har no net sjen kin. Dat hast dan berikt!’ Behearske stapte er op 'e doar ta, mar oan it efkes nei foaren lûken fan syn skouders seach se, dat er minder kalm wie, as er skine litte woe. It trof har pynlik en fuortendaliks fielde se har al wer skuldich om dy wurge rêch.
Doe't Jelle út skoalle draven kaam, siet se stil by de tafel. It teeljoehtsje wie ûnderwilens útgien; op it skjinne kleedsje stie it trompke mei koekjes, sûnder dat it iepen west hie. ‘Wêr is Heit, Mem?’ ‘Heit is al wer fuort, jonge.’ ‘Hèn, ik tocht, dat Heit wol op my wachtsje soe.’ ‘Hy sil it drok hân hawwe.’ ‘Wat is der Mem, Mem docht sa frjemd, sa strak? Hat Mem noch frege oft ik fan skoalle mocht, hoe wie it mei Heit? Woe er net wer thúskomme?’ ‘Och, Jelle, wat seist no? Hiesto ek stikem hope, dat er. Kom hjir, krijst in tút, do bist myn soan!’ Wylst hja nei de koken gie om Aagje te freegjen farske tee te setten, sei se sabeare achteleas oer it skouder: ‘Heit sil Dieuwke en dy skriuwe. Hy wol graach, dat jimme komme, as er aanst mei Sjouk trout.’ ‘Moat dat, Mem?’ ‘Nee, Jelle, do moatst sels beslisse, mar ik soe graach wolle, dat jimme it diene.’ Hja hie de jonge net oansjen doarst. | |
5.Sa wie se foargoed gewaarwurden, dat it skyltsje fan selsfertrouwen noch mar hiel tin wie, al hie se hast al miend, dat hja in pânser foar har kwetsberens frissele hie fan taaie, sterke twigen. Har selsstannich optreden as húsfrou, it waarme kontakt mei de bern, de ûnôfhinklikens, har skriuwplannen. | |
[pagina 224]
| |
Mar der hoegde dus neat te barren of de wûnen skrynden wer en as hja harsels dan net mei alle geweld yn 'e stokken hold, duorre it net lang of se bietten. Hja hiene harren leafde dan wol begroeven dêr yn Wickersdorf, yn dy wûndere oere fan ienriedigens, mar har gefoelens foar Piter wiene net dea. Wêr wiene de dagen bleaun, dat hja tocht hie sterk te stean, dat der suver in gefoel fan frijheid oer har kommen wie? Doe hie se harsels derop betrape, dat der har geregeld in fers fan Richard Dehmel troch de holle spile. De wurden fan dy Dútske dichter liken har op it liif skreaun te wêzen.
Du wirst nicht weinen. Leise, leise
wirst du lächeln; und wie zur Reise
geb ich dir Blick und Kuss zurück.
Unsre lieben vier Wände! Du hast sie bereitet,
ich habe sie dir zur Welt geweitet -
o Glück!
Dann wirst du heiss meine Hände fassen
und wirst mir deine Seele lassen,
lässt unsern Kindern mich zurück.
Du schenktest mir dein ganzes Leben
ich will es ihnen wiedergeben -
o Glück!
Es wird sehr bald sein, wir wissen 's beide
Wir haben einander befreit vom Leide;
so geb' ich dich der Welt zurück.
Dan wirst du mir nur noch im Traum erscheinen
und mich segnen und mit mir weinen -
O Glück!
Guon fersen, lykas dit ‘Befreit’, droech se yn har om, de dagen troch. Hja hie it oprjocht sa wollen, as de dichter it sei: inoar befrije fan al it âld sear en har man weromjaan oan syn wurk, oan de arbeidersbeweging dy't him nedich hie. En hja de bern. It hie earlik like. Mar as hja no seach, hoe't dy harren heit ek noch alle dagen misten, dan wie se sa moedich net mear. | |
[pagina 225]
| |
Hja hie hast noch it measte ferwar tsjin har mankelikens en tsjin it gefoel fan spyt dat har faak oermânsk drige te wurden, as hja har lilk meitsje koe op Piter. As hja dingen oer him lies, dy't hja brutaal en ûnbeskamme achte, koe se har opwine en ynwindich op him foeterje. Of as der freondinnen kamen dy't har beklagen en seine, dat hja it har net sa oanlûke moast, dat hja altyd al fierstente goed foar him west hie. As dy froulju sa flaaiken, fielde se harsels ek och sa begrutlik en dan die se lekker mei oan de rabberij oer ‘dy man’, dy't fansels likemin doogde as alle oare manlju. Mar yn har herte wist se dan letter - as hja wer allinne siet - mar al te goed, dat hja ûnweardich dwaande west hie en dan skamme se har en fielde se har wer ôfgryslik lyts.
Fan in partijgenoate fan eartiids dy't har nei de skieding trou opsocht, hearde se op in kear, dat ien fan de bern fan de Kautsky's slim siik wie en dat Luise dêrom it lêste kongres fersomje moatten hie. Dat like har in goede oanlieding om har freondinne yn Dútslân wer ris te skriuwen, fan mem ta mem. Hie se yn it ferline mei Luise net withoefaak oer harren húshâldingen praat? Oer hoe't it wie om mei in man troud te wêzen, dy't him alhiel oan syn idealen joech? Luise Kautsky hie altyd sa tige mei har meilibbe, dat hja har twa jier lyn sels noch om rie frege hie, doe't hja mei it plan omrûn om Piter út te stellen om mar te skieden. Mar doe't dat der echt fan kommen wie, hie se net witten, hoe't hja it har freondinne fertelle moast. Dat wie har yn 'e wei. Luise hie altyd alles fan har witte mocht. Ienkear oan it skriuwen wie se al rillegau fan it sûnfreegjen nei de jonge ôfdwaald nei har eigen bern, nei de persoanlike soargen en it fertriet om Piter en doe wie har brief ien lange litany wurden fan frustraasjes en teloarstellingen. Foarhinne hie Piter ek lit ûnder har siik-wêzen, dat hie Luise grif wol begrepen, mar as er syn hert by har útstoarte, hie hja him altyd noch treastgje en fannijs besielje kinnen. De lêste kear lykwols wie er net mear by har kommen en doe't hja foar de twadde behanneling yn Dresden wie, hie se him ek mei har brieven net mear berikke kinnen. Hy hie him doe by Sjouk útpraat en fan har alle treast krige dy't in jonge sûne frou biede koe. Dàt wie syn ferrie, dat er har geastlike krêft leger set hie as de befrediging dy't dy oare him jaan | |
[pagina 226]
| |
koe. It fernuvere har, dat hja dat earst no sa dúdlik seach! Wat wie der oerbleaun fan syn moaie wurden! Dat hja altyd as in rots neist him west hie yn swiere tiden, dat hja de keninginne fan syn hûs wie, dat er nea gjin geheimen foar har hawwe koe. It soe wat! Siden lang skreau se troch. No soe se Luise ek alles fertelle. Dat Sjouk út leafde en respekt foar har noch oanbean hie om fuort te gean en dat Piter noch skreaun hie, dat hja mar wer thúskomme moast en dat er dan wol yn freonskip fierder mei har libje woe, as hja mar nea oer syn nije leafde prate. Sa'n útstel hie se safier ûnder it nivo fan harren jierrenlange kammeraatskip achte, dat hja dat resolút ôfwiisd hie. Hie er har mar ien kear frege om him te helpen, dan hiene se tegearre grif dizze krisis yn harren houlik ek wol wer te boppen kommen, mar hy hie der net mear foar fjochtsje wollen. Hy wie allinne mar mei dat dûbelhertige oanbod kommen, dat har yn har frou-wêzen misledige hie. Alles hie se ferneare en drage kinnen, salang't hy syn soargen mar mei har diele wollen hie. Doe't er dêr ek in oar foar fûn hie, wie se brutsen. It wie in brief wurden fan sechtsjin bledkanten. Hja hie har leechskreaun en wie, doe't it brief ôf wie, hast te wurch om noch nei it postkantoar ta te rinnen. Mar doe't hja de swiere slúf yn de brievebus ploffen hearde, hie se nettsjinsteande alle ellinde dochs noch om harsels laitsje moatten. Hja wie eins noch neat feroare sûnt hja doe yn Grins by Muoike Hinke en Omke Ale it herte útstoart hie yn in brief oan Clara van Loon. Even hie se har wer dy jongfaam field, dy't sa djip teloarsteld west hie om in ôfskriuwer fan in studint. | |
6.Neidat hja in skoft betreklik rêstich yn Utert wenne hiene, wie der in momint kommen, dat der wichtige besluten nommen wurde moasten. Woe Dieuwke har fierder ûntjaan yn de muzyk, dan moast se in oare dosint hawwe. Catharina van Rennes rette har oan om nei Genève te gean en by Emile Jaques-Dalcroze lessen te nimmen yn ritmyk, solfêzje en harmonylear. Har learares hie sels al faker simmerkursussen by dy musikus folge en wie tige entûsjast oer syn metoade dy't alhiel op it ritme basearre wie. Muzyk en beweging | |
[pagina 227]
| |
hearden byinoar. Behalven sjongen soe Dieuwke ek dûnsjen leare kinne oan syn ynstitút. It like it famke prachtich ta en nei har ûnderfiningen op de kostskoalle luts in stúdzje yn Switserlân har tige oan. It ôfskie soe har net swier falle.
Hoe kaam it dochs, frege hja har ôf, dat har dochter har sa ûntgroeid wie? Winliken wie Dieuwke al op har fjirtsjinde losrekke út it famyljeferbân en in echt fertroulik petear hiene se sûnt hast nea wer hân. Hoe wie dat earder yn De Haach, doe't hja dêr de earste kear wenne hiene, en hoe wie dat yn Haarlim gien? Dieuwke hie al jong och sa selsstannich west en hja hie altyd krekt witten wat se woe. Der wie neat mei it bern te rêden as alles mar gong sa't hja it yn it lytse kopke hie. Altyd hie se kammeraatskes om har hinne, by wa't hja leaver skynde te ferkearen as thús. As hja besocht om dêr mei har oer te praten en frege, wat Dieuwke by oaren fûn en by harren yn 'e hûs dan sa miste, hie se nea in antwurd krige. It famke luts de skouders op: ‘Mem altyd mei har fiven en seizen, der is neat en ik haw noch húswurk.’ Demonstratyf wie se dan nei har eigen keamer ferdwûn om earst as it iten al op 'e tafel stie wer ûnder te kommen. Dêrnei draafde se hurd noch even nei Annie om in boek, of nei Heleen, Lizzy, hoe't al dy famkes mar hiten hiene. Dieuwke naam mar komselden ris ien mei nei hûs en as der al ris sa'n freondintsje meikaam en út oprjochte belangstelling frege nei har wurk of oer in boek fan har prate woe, dan hie Dieuwke har al gau wer ûngeduldich oan de earm lutsen: ‘Bist net foar myn mem kommen wol?’ Eins hie se nea tsjin Dieuwke op kinnen en omdat hja min oer swarte gesichten koe en in hekel hie oan spul, hie se der har meastentiids mar by dellein, dat Dieuwke har eigen paad gie. Har dochter hie no ienris romte nedich. Wie it fertrouwen fan it famke al beskamme doe't hja nei de berte fan Jelle salang út stel west hie? Hie se har doe al gefoelsmjittich fan har ôfkeard? Hawar, hja wie no omtrint folwoeksen. Mar Dieuwke hie altyd in echt heite' bern west. As hja nei it bûtenlân woe, lykas mefrou van Rennes útsteld hie, dan moast Piter der perfoarst yn kend wurde. | |
[pagina 228]
| |
Sûnt dy ûngelokkige freedtemiddei yn it begjin fan har libben mei de bern allinne, hie er net wer by harren west. Dieuwke en Jelle hiene him dêrnei noch in skoftlang net moetsje wollen, mar gelokkich wiene se letter bydraaid en wolris nei him ta gien. Net nei De Haach, mar as hja wisten dat Heit yn 'e omkriten fan Utert in gearkomste hie, dan reizgen se dêrhinne en praten nei ôfrin mei him. En hy hie har ek wolris meinommen op syn tochten. Benammen Jelle hie slim weet hân fan de brek mei syn heit. Likemin as hjasels koe har soan oer rûzje. Hy soe it leafst alle minsken dêr't er wiis mei wie altyd om him hinne hawwe wolle. Hja hie doe earst begrepen, hoe iensum de jonge west hie op kostskoalle en namste mear wurdearre se it, dat er dêr yn syn brieven nea wat fan skine litten hie.
Om Dieuwke har plannen te bepraten hie se Piter foar it earst wer útnoegje doarst. Hy hie lykwols werom skreaun, dat it famke mar by him komme moast, as hja wat te freegjen hie. Mei in brief fan Catharina van Rennes foar Heit yn 'e tas wie Dieuwke nei him ta gien en och sa optein wie se in deimannich letter wer thúskommen. Hearlik hie se it fûn om wer ris yn De Haach te wêzen. Hja hie mei Heit út west, nei in konsert en mei Sjouk och sa gesellich winkele en mei-inoar hiene se iis iten op 'e bûlevaar yn Skeveningen. En Heit fûn it prima, dat hja nei Genève soe. | |
7.Doe't Jelle hearde, dat Dieuwke foar fierdere stúdzje nei Switserlân mocht en dat Heit har alle moannen in talage stjoere soe, woe er fuortendaliks wol mei. It hie har muoite koste om him derfan te oertsjûgjen, dat it folle better wie, as er earst de h.b.s. dien makke. Hy wie ommers krekt mei stoef wurkjen oergien nei de fjirde klasse? Noch mar twa jier, dan wie er der ôf. Dan hie er in goed diploma yn 'e bûse en lei de wrâld foar him iepen. Jelle die gjin lichten, oant hja ûnthjitten hie Heit skriuwe te sillen mei it fersyk in kear by harren te kommen om deroer te praten. Piter hie mei kearende post antwurde. Hy seach absolút gjin heil yn | |
[pagina 229]
| |
sa'n konferinsje. Hja wiene goed ôfpraat, dat Jelle earst syn eineksamen dwaan soe! Oer in oardel jier of sa, dan woe er it der wolris oer hawwe, wat syn soan fierder moast. Leafst soe er sjen, dat er him dan klearmakke op it steatseksamen gymnasium, sadat er yn 'e rjochten studearje koe. Dat wie de bêste tarieding op syn takomstich direkteurskip fan de Neerlandia. En as Jelle de advokatuer yn wolle soe, dan koe hy him faaks ek wol wat foarút helpe, as er safier klear wie mei de stúdzje. Wa wit koene hja letter sels wol in assosjaasje oangean.
De jonge wie slim teloarsteld, doe't er Heit syn brief lêzen hie. Even hie se sels bang west, dat er fuortrinne soe, lykas er yn De Haach in kear dien hie, doe't Piter him yn drift slein hie, omdat er har nei skoaltiid yn noed sitte litten hie. De jûns let wie Jelle doe wer thús kommen, omdat er wol lilk op Heit wie, mar net oer de gedachte koe, dat er syn mem fertriet oandie. De oare deis hiene se it útpraat. Hja hie har soan der op wiisd, dat Heit himsels net west hie, doe't er sa útfoel. Dat er him slim soargen makke oer Pake dy't it net lang mear meitsje soe en oer har eigen sûnens, omdat hja har doe alwer minder goed fielde, as doe't hja dy simmers thúskommen wie fan Frau Fischer. Efternei hie se foar it ferstân krige, dat der doe - mei Sjouk alle dagen om him hinne - ek al hiel oare spanningen west hiene, dy't Piter pleagen. | |
8.‘Ik bliuw yn it earstoan wol by Mem,’ sei Jelle in dei of wat letter, doe't er de teloarstelling om Piter syn ‘veto’ in bytsje ferarbeide hie. ‘As Heit dat dan perfoarst wol, sil ik wol besykje om dat stomme h.b.s.- diploma te heljen, mar dêrnei kin er my net mear twinge.’ ‘Dêr bin ik hiel bliid mei, jonge, dat is in wiis beslút. Dan bliuw ik ek net sa allinne efter yn ien kear. Wy moatte der mei ús beiden mar it bêste fan meitsje.’ En Jelle hie ek ferskuorrend syn bêst dien, doe't nei de simmerfakânsje de skoalle wer begûn wie, mar hja hie al rillegau murken, dat it net goed mei him gie. Hy hie hast gjin omgong mei de jonges | |
[pagina 230]
| |
út syn klasse. Hy wie ek âlder as de measten en hie fansels folle mear meimakke. It ûnderwiis op de frijwat strange, âlderwetske skoalle yn Utert joech gjin oansluting op wat er yn Dútslân leard hie. Sels de talen, dêr't er altyd wol niget oan hân hie, waarden sa ferfeelsum jûn, dat er ek oan dy fakken it mier krige. Jelle waard somber en fierstente stil foar in jonge fan syn jierren. Nochris hie se Piter skreaun om him witte te litten, dat it sa net goed kaam, dat Jelle ferlet hie fan in nije omjouwing en oare minsken om him hinne, mar Piter wie ûnferwrigber bleaun. Wêrom woe er no dat syn soan de karriêre fuortsette, dy't er sels net iens ambieard hie, frege se har ôf. Ut stiifkoppigens? Mispleatste earsucht? Mar hie er dan net yn 'e rekken, dat er Jelle oandie, wat er syn eigen heit altiten kwea-ôf nommen hie? It hie him lang dwers sitten, dat er syn artistike oanlis net folgje mocht hie. Hja moast it oansjen fan dei ta dei, dat Jelle him mei hyltyd mear tsjinsin nei skoalle sleepte. Oan alles wie te fernimmen, dat er him hielendal net noflik fielde en hja makke har dêr grutte soargen om.
Doe't Dieuwke de maitiids dêrnei mei in groep studinten fan Dalcroze op toernee wie en der ek in foarstelling yn Amsterdam jûn waard, hie Jelle dêr perfoarst hinne wollen. Dieuwke soarge foar in kaartsje; hja wie bliid har broer wer ris te sjen en stelde him yn it skoft wakker grutsk oan har learmaster foar. Dy sei flotwei, dat Jelle daliks wol meidwaan koe mei syn ploechje, der wiene altiten te min jonges. Soe er gjin audysje dwaan wolle? Nei dy jûn wie Jelle net mear te hâlden. Thús prate er allinne noch mar oer Dalcroze: sa'n aardige man, sa muzikaal, sa kundich! Oer Dieuwke har optreden: hoe moai oft it west hie en hoe geweldich oft it him like om mei sa'n groep dûnsers de wrâld oer te reizgjen. Dêr learden jo folle mear fan as fan alle lessen op sa'n stive rotskoalle byinoar! Dagen en nachten lang hie hja deroer pikere: sa fleurich as no hie Jelle yn gjin skoften west. Hy krige suver wer wat kleur op 'e wangen. It soe sa goed foar him wêze om mei oare jonge minsken om te gean en dingen te dwaan dêr't er nocht oan hie. Mar Piter soe it grif net lije wolle. It gie om de jonge syn takomst, syn sûnens, syn libbensfreugde. Mar Piter soe der grif beswier tsjin hawwe, as hja him gean liet. | |
[pagina 231]
| |
En as hja it no ris net frege? Gewoan meidielde, dat hja besletten hie Jelle ek nei Genève te stjoeren foar in oplieding yn de muzyk? Piter soe lilk wurde en gjin sint jaan wolle om dat healwize, idioate plan troch te setten. Hoe krige se dat no wer yn 'e holle? Hja hearde it him al freegjen op dy delbûgjende toan, dêr't hja net oer koe. Mar wie se dan bang foar him? As er Jelle syn stúdzje net betelje woe, dan soe hja de jonge dochs sels it jild jaan kinne? Hie se syn skoallejild foar it ‘Landerziehungsheim’ destiids ek net sels byinoar wrotten? Hja koe no wol út in grut gat blaze, mar soe se it yndie allinne opbringe kinne? Nochris en nochris hie se alles besifere. As hja no sels hiel sunich libbe? It hûs yn Utert opsei? Hja hie in sparpotsje, troch it ‘âld wyfke’ dat hiel goed ferkoeht waard. Der soe in oersetting yn it Deensk útkomme fan har ‘Oehoehoeboek’ en soe se Wiessing net freegje kinne, oft hja ris faker wat foar De Amsterdammer skriuwe koe? De lêste tiid hie se geregeldwei stikken oan him kwyt kinnen en de redakteur wie har wol genegen, tocht se. Sa soe it faaks krekt kinne mei Jelle syn stúdzje, mar doarst se it noedzje? Tsjin Piter syn ferbod yn de jonge fan skoalle nimme? Mar it gie dochs om Jelle. Hja woe net, dat de jonge der ûndertroch gie. En hja hie har ommers al omtrint twa jier allinne rêde moatten, moast se dan no noch op 'e knibbels foar Piter? Hy hie de earste soarch foar de bern by har lein. Dit wie it momint om sjen te litten, dat hja dat oan koe en sels de ferantwurding nimme doarst. De oare deis joech se Jelle in brief mei foar de direkteur dêr't hja yn meidielde, dat hja mei him prate woe.
Doe't it beslút ienkear fallen wie, gie it hurd. Jelle hie op skoalle alles op alles set om noch in bewiis fan oergong nei de fiifde klasse te heljen. Hja hie mei de direkteur ôfpraat, dat er, as him dàt slagge, mei in jier weromkomme koe, as it yn Genève no ris net foldwaan soe. Dat hie in lêste konsesje oan Piter west. Hja wie der sels wol wis fan, dat de jonge nea wer yn de skoalbanken sitte soe.
Sa't hja ferwachtsje kinnen hie, hie Piter, dy't doe dochs noch haljetrawalje oerkommen wie, ferklearre, dat hja wol net wiis like. | |
[pagina 232]
| |
Wie it har no hielendal yn de plasse slein? Hoe kaam se der by om... Hja hie him yn syn gesicht útlake en sein, dat Jelle syn beslút fêst stie en dat hja him stypje soe, al moasten hja tegearre ek dwers tsjin de miening fan eltsenien yngean. De hiele famylje wie dêrnei ek noch oer har gearfallen. Susters, skoansusters, allegearre woene se har mei de kwestje bemuoie, mar hja hie hoek holden. Sterker, hja hie der suver nocht oan krige om har plannen mei Jelle troch te setten. Hja moast allinne noch beslisse, wat hjasels eins woe. Ut Utert wei, dat stie fêst, mar wêrhinne? No't beide bern aanst yn Switserlân wennen, wie der neat mear dat har ferplichte om yn Nederlân te bliuwen. Hja wie frij om te gean en te stean, dêr't hja mar woe. ‘Wat sil Mem no? En wêr moatte ús meubels en ús oare guod aanst hinne?’ frege Jelle kear op kear. Hy hie gjin rêst, foardat er wist, dat Mem ek plak hie. ‘Dy meubels kinne opslein wurde en ik, ik gean nei Parys!’ | |
9.Nei Parys! Fansels hie se der wolris oer neitocht. Hja hie al withoefaak yn har omgean litten, hoe't it wêze soe om yn it bûtenlân te wenjen. It hie wat oantrekliks, wat aventoerliks. It like har ynienen sa hearlik ta om ferlost te wêzen fan de neigeanderige blikken fan de minsken, dy't wisten dat hja in skieden frou wie, de earste frou fan Troelstra, fan him yn de steek litten en ynruile foar in folle jonger frommes. En no't de famylje ek wer sjen litten hie, dat hja har winliken noch altyd mar amperoan los fertrouden, no hie dat plan ynienen fêstere foarm krige. Har wurk koe se ommers rûnom dwaan, dêr't mar in taffeltsje stie om oan te skriuwen? Der wiene folle mear auteurs dy't nei Parys tein wiene. Wiessing ek. Mei him hie se ôfpraat dat hja tenei geregeldwei foar syn krante skriuwe soe. Losse stikken oer wat hja mar op har paad fine soe. Skôgings fan berneboeken út soarte, pedagogyske artikels en ek dingen foar de frouljusside. Hja soe de útjouwers foar wa't hja wolris wurke op 'e hichte hâlde | |
[pagina 233]
| |
fan har adres en dan moast it al raar gean, woe se harsels net rêde kinne mei de alimintaasje derby, dy't de Neerlandia har alle moannen pront op 'e tiid útkearde.
Yn dy lange brief oan Luise Kautsky hie se destiids skreaun, dat hja graach nochris in boek meitsje woe oer de helden fan de Russyske revolúsje fan 1905. Yn Parys wiene grif bibleteken, dêr't hja kranten en blêden fine koe en ek argiven om de eftergrûnen út te plúzjen. Der wennen frijwat Russyske útwikelingen yn Frankryk. Wa wit koe se dy har ferhalen wol brûke. Hja krige der wakker sin oan en ferdjipje har no ris yn sa'n stik resinte skiednis. En har âld plan om foar de sosjaal-demokratyske bern ferhalen út de wrâldskiednis te fertellen wie ek noch nea wat fan op 'e hispel kommen. No soe se dat ek oanpakke kinne. Och, der wie sa'n soad te betinken. Hja rekke der hast oerémis fan, as se har foarstelde, wat in mooglikheden se hawwe soe, as hja einlings alhiel frij wie. Dat, doe't Jelle him yn septimber 1909 útskriuwe liet út it befolkingsregister fan Utert mei bestimming Genève, doe hie hja efter har namme notearje litten, dat hja nei Parys gie. Underweis yn de trein fernuvere se har noch altyd oer har eigen moed. No soe it der echt op oankomme te bewizen, dat hja harsels rêde koe!
Jelle hie har noch holpen om in gaadlik pensjon te finen en har sa goed mooglik te ynstallearjen, mar doe wie dochs de dei kommen, dat hy trochreizgje moast nei Switserlân en hja der foar it earst fan har libben folslein allinne foar stie. Hja besocht har wer yn 't sin te bringen, hoe't it west hie, doe't hja in kuer dien hie yn de Ardinnen en yn Leipzig en de kear, dat Frau Fischer har mei nei Dresden nommen hie. Doe hiene oaren har mei alles helpe moatten en hie hja de reis amperoan dwaan kinnen. Dat hie dan blykber yn in foarich libben west, sei se tsjin harsels. Hja wie no in oar minske wurden. Hja fielde har sa sterk as in ûntdekkingsreizger dy't op ekspedysje gie. Der siet in hiel pak nije skriften yn har koffer en inket wie rûnom te keap. Hja woe sa gau mooglik oan 'e slach! | |
[pagina 234]
| |
10.Doe't de earste opwining om it nije libben foarby wie, wiene der fansels ek dagen kommen, dat hja iensum en ûnwennich wie. Hja wie it net wend om alhiel op harsels oanwiisd te wêzen en de frijheid wie leger en stiller as hja tefoaren witte wollen hie. Op sokke dagen wie se slim bliid, as der by it Poste Restante-loket op it postkantoar by it Gare du Nord in brief foar har lei. De bern skreauwen gelokkich trou. Jelle hie it tige nei 't sin. Wat him oanbelange, hoegde se gjin spyt te hawwen fan har beslissing. Der kamen ek wol wat opdrachten fan har útjouwers. Hja liet boeken stjoere om oer te setten en skreau wer berneferhaaltsjes foar wol in stikmannich kranten. As it net woe mei sok wurk, tocht hja har mar yn, dat Dieuwke en Jelle, lykas foarhinne, op stoven oan har fuotten sieten en dat hja har in teltsje tefoaren lies. Dêr moast se oars wol mei oppasse, as hja har te djip yn it ferline joech, waard se samar mankelyk en koe se wol gûle fan langstme nei de bern.
Op in dei lei der by de post in tsjok boek: Rispinge, âlde en nije fersen fan Piter Jelles. Rensia hie it har stjoerd en hja skreau derby, dat hja derop fertroude, dat har suster no't dy har sa dúdlik losmakke hie fan it ferline, it lêzen fan de fersen fan har eardere man ûndergean soe as it besjen fan âlde foto's, miskien mei wat weemoed, mar foaral mei de freugde fan it weromkennen. Sa wie it harsels ek gien. In bulte oantinkens wiene wer boppe kommen oan de tiid, dat Sjoukje Piter yn de famylje yntrodusearre hie. It ûnthâld bewarre de moaie dingen gelokkich better as de fertrietlike. Hja wie oprjocht bliid mei it boek en de meilibjende brief fan har suster, mar as hja earlik wie, moast se tajaan, dat hja lang sa sterk noch net wie, as Rensia miende. Der stie gâns yn dy bondel, dat hja net mei droege eagen lêze koe. De persoanlike fersen fan eartiids hie Piter gearbrocht yn in apart skift: ‘Jongfeinte lok en lijen’. Dy seine har it measte. It wie frjemd om se nei safolle jier nochris wer te lêzen mei yn de efterholle altyd it pynlike witten, dat alle dreamen fan doe ferflein wiene; oan diggels spat alle yllúzjes. Dêr: ‘Wûnderblom’, De swietrook fan in wûnderblom hat my alhiel | |
[pagina 235]
| |
bedwelme, it earste fers dat hja fan Piter krige hie. Wat hie er doe fereale west! Hja blêde fierder, sjoch: ‘Wat de letters jin sizze’, dat gong oer de brieven dy't hja inoar skreaun hiene yn de ferlovingstiid. Ik sit allinne te skriuwen / Oan in famke yn 't Fryske lân. Hèn, sa wie it earder net. Oan in famke yn Gelderlân hearde dêr te stean. Wêrom hie er dat no feroare? In ûnbelangryk detail, mar it fielde dochs as hie er har út syn oantinkens skrast. De prachtige rigels út de oare leafdesfersen dêr't hja sa wiis mei west hie en dy't har altyd noch treastgje kinnen hiene yn swiere tiden, it wie krekt as hearden dy no ek ferriederlik en falsk.
No wykt de haat út myn hastich sin,
No wurd ik better minske as 'k bin;
Want dyn leafde - myn Ingel oan Himels doar -
Dy preket my't heechste Evangeelje tefoar.
Och, doe soe er it wol miend hawwe. Dat heechdravende, idealistyske hearde by de jonkheid. Hie Piter sels net ris skreaun, dat syn iere fersen wol dy fan in âldman liken, omdat men jin as men tweintich wie sa ôfgryslik folwoeksen fielde? Hja hie sels yn dy tiid ommers ek noch och sa romantysk west. Doe hie se har nea net steurd oan Piter syn grutte wurden.
Troch de mingde gefoelens, dy't it bekende wurk oprôp, wifke se lang, ear't hja it weage en lês Piter syn nije fersen. It wie har as soe se gnuve wolle yn de yntimiteit fan syn nij libben. Dochs moast it derfan komme. Earst sette se har ta it lêzen fan de syklus ‘It koalsiedterskjen’. In prachtich en sterk epos fan it wurk op de fjilden, tocht se, doe't se it dichtstik út hie. Ald Fryslân wie wer foar har opriisd sa't hja it yn har bernejierren kend hie. It bloeiende lânskip op in waarme simmerdei, de rispinge, hichtepunt en bekroaning fan moannenlang soargjen en skreppen. De krêft fan in ploech arbeiders dy't elk op har eigen plak de taak witte, witte dat hja in diel fan in grut gehiel binne. Sa moast it jin wol in machtich gefoel jaan om de lea te brûken en jinsels alhiel oer te jaan oan it mienskiplike wurk! Hja preau der de niget oan oerurven tradysjes yn, dêr't Piter him yn | |
[pagina 236]
| |
syn jonge jierren sa fan meinimme litten hie. Yn syn nijere fersen wie it histoaryske, it folksaardige, it teatrale ek, ynbêde yn it grutte gehiel dat fan alle tiden is. Ferline en takomst gearbrocht yn in oade oan de arbeid! Ja, hy wie perfoarst groeid sûnt syn earste poëtyske perioade, dat woe se graach tajaan. Hy wie as dichter riper wurden, wizer, syn taalbehearsking en de greep op de Stoffe wiene folle grutter as eartiids. En doe lies se de syklus ‘It âlde doarp’, fersen sa persoanlik, dat hja der einepikefel fan krige. ‘t Berntsje waard in strider yn 'e wrâld,’ stie dêr. En it wie har, as learde hja doe earst it lytse Flietster stedsjonkje kennen, dat syn eagen útseach yn Stiens. Dy't mei alle ûntfanklikens fan syn jonge siele de bylden fan it boerebedriuw en it doarpslibben yndronken hie. Bliid as er meihelpe mocht mei kealleboarnen, bûthúshimmeljen, feeferweidzjen! Dêr, yn syn jongesparadys, hie er de leafde skipe foar de stoere bodders, de lânarbeiders, en ek foar de lytse skreppers en wrotters. Syn omtinken yn ‘Doarpslju’ foar de minsken dy't er yn it âlde doarp kend hie, wie oandwaanlik. Dy leafde hie him syn libben lang droegen. Hie hja it sels ek net sa ûndergien? Doarpsbern wiene hja beide, oant yn ieren en sinen ferbûn mei de minsken om har hinne, diel fan de lytse mienskip. Wat die hja yn 'e goedichheid yn Parys? | |
11.De stêd wie moai. De earste wiken hie se har fergappe oan de grutte gebouwen: Nôtre Dame, Tuillerieën, Arc de Triomphe, Opéra, Sacré Coeur en dan dat wûnder fan moderne technyk: La Tour Eiffel. Hja wie by de Seine lâns kuiere en op sneintemiddei hie se tusken de Parizenaren in stuoltsje socht yn it Pare du Luxembourg, mar mei har praat, hie se amper. De minsken liken o sa op harsels te wêzen. De heiten lieten op de grutte fiver boatsjes farre foar de bern, mar as hja ien fan dy pjutten talake hie of even oer it hier streake, draafden se gau nei Mem en krige hja in swart gesicht: ‘Madame, vous...’ En dan folge der in rabbelemint, dat hja sa gau net iens neikomme kinnen hie. Fertrietlik wie se dan mar wer nei | |
[pagina 237]
| |
har keamer gien om te besykjen noch wat te wurkjen. Yn bibleteek en argyf stiene de amtners har korrekt te wurd, mar der hie noch net ien west dy't ek mar in sprút belangstelling toand hie foar har sneuperij. Sa'n wrâldstêd wie hurd foar in iensume frjemdlinge en fan de betsjoenende skittering dy't Parys op harren houliksreis hân hie, hie se neat wer weromfine kinnen.
Earlik sein hie se tige bliid west, doe't de bern skreauwen, dat hja yn Genève in appartemint fûn hiene, dêr't hja wol mei har trijen yn wenje koene. As it aanst winter waard, wie dat wol sa gesellich foar Mem. Jelle hie it him grif oansjoen, syn mem op harsels yn de grutte wrâld. Wat koe der net allegearre barre mei in frou allinne yn sa'n ûnferskillige stêd as Parys? In ûngelok yn it drokke ferkear wie noch it lytste gefaar. Hja hoegde der net lang oer nei te tinken en sei mei freugde de hier fan har keamer op.
As hja letter weromtocht oan dy winter yn Switserlân mei de bern, dan like it hast net te leauwen, dat hja, destiids yn Ljouwert, doe't hja dochs noch safolle jonger west hie, net by in treppen op komme kind hie fanwegen in swak hert. Genève lei dêr sa prachtich oan de mar: it âlde sintrum nei it wetter takeard, mar de nijere wenwiken heger tsjin de bergen oan en út de âlde stêd wei wie it ien doalhôf fan strjitsjes en treppens nei dy bûtenwiken ta. Dêr't hja wennen, oan it Plateau de Champel, wie it wol wat sljochter, mar hja hie gauris út de stêd wei nei boppen kuierje moatten mei reisbagaazje of mei tassen fol boadskippen. Harren hûs stie oan in hast fjouwerkant plein mei in inkelde frijsteande filla en fierder grutte moderne appartemintegebouwen fan wol in pear ferdjippingen heech. In hiel oare bou as dêr't hja yn Hollân oan wend west hiene. De buert wie rêstich, mar hie dochs ek wol wat fan de alluere fan de stêd, dy't har dêr yn 'e bedelte djoer en deftich yn de mar spegele. De romte om har hinne die har woldiedich oan nei dy benaude pensjonkeamer yn in smel en frijwat tsjuster strjitsje yn Parys. Oan Henri Wiessing, dy't doe tydlik wer yn Amsterdam wie, skreau se, dat hja om wille fan de bern ferhuze wie, mar ek út Genève wei | |
[pagina 238]
| |
wol geregeld stikken foar De Amsterdammer stjoere soe. It honorarium moast er mar oermeitsje oan de hear Kerkhoven oan de Heerengracht yn Amsterdam, dy't har saken waarnaam.
Yn Switserlân hiene se mei har trijen in hearlike winter belibbe. De bern fielden har by Dalcroze tige op har plak en studearren mei nocht. Hja wie bliid wer in bytsje foar har soargje te kinnen, want de lessen en trainingen fergen gâns fan har jonge krêften. It wie in gelok dat Piter bydraaid wie, doe't er ynsjoen hie, dat it Jelle tinken wie mei de muzykstúdzje. Hy soe him tenei alle moannen tachtich gûne stjoere, hie er skreaun, sa't er dat ek mei Dieuwke ôfpraat wie. Mei wat hja út en troch by de krante fertsjinne en de revenuën fan har boeken hiene se der knap fan komme kinnen.
Yn de maitiid fan 1910 wie Dieuwke klear mei de stúdzje. Yn deselde snuorje makke Dalcroze plannen om syn ynstitút te ferpleatsen nei Hellerau by Dresden. In tal fan de meast bejeftige learlingen frege er om mei him mei te gean en yn Dútslân in nije skoalle op te setten. Jelle hie dêr wol earen nei en reizge ôf mei de muzykpedagooch. Doe wie der neat mear, dat har noch oan Genève bûn. Dieuwke woe nei Hollân werom om har as muzyklearares te festigjen. Hja hiene der lang en breed oer praat, wat de bêste omjouwing wêze soe om in hûs te sykjen en úteinlik wie besletten, dat hja de freonen yn Utert freegje soe om yn ien fan 'e doarpen yn 'e omkriten foar har beiden út te sjen nei in gaadlike wenning. Dan sieten se yn it sintrum fan it lân en dochs net sa yn de drokte. Sûnt hja Piter syn fersen lêzen hie, hie se it gefoel, dat in libben op it plattelân har dochs it measte luts en Dieuwke koe dan rêstich even oansjen, wêr't hja wurk krije kinne soe. | |
12.De earste fan 'e gersmoanne 1910 wie se ferhuze nei B 53 Bunnik, in lyts hûs tichteby it stasjon. Krekt sa't it yn har bernejierren yn Nes west hie, hiene de strjitten dêr doe noch gjin nammen. Hja fielde har samar thús, al hie se gjin omgong dat makke mei de doarps- | |
[pagina 239]
| |
lju. Hja wie ommers roomsk noch herfoarme, offisjeel alteast net, en de measte dingen waarden dêr út de tsjerken wei bestjoerd. Hja hie har der ek net echt by jûn. De leveransiers wiene behelpsum, de buorlju noflik en fan oerflakkige omgong mei minsken dy't har dochs nea eigen wurde soene, hie se alhiel gjin ferlet. It wurk wie der en hja hie derfan genoaten wer bûten te wenjen. Doe't dy earste maitiid de kjerse- en apelbeammen yn de grutte hôven yn 'e bloei kamen, wie it har as wie se wer yn Nes, dêr't de gnodzige âlde beammen yn it hôf by de pastorij ek sa oerweldigjend yn 'e blossem sjitte koene as it waar nei in reinige en kjelderige rite ynienen mylder waard. Yn it lânskip by de Kromme Ryn lâns dy't moai tusken de greiden troch bochte, fûn se sels wer in bytsje fan de romte fan Fryslân werom. En dochs wenne se tichteby de stêd Utert, dêr't hja freonen hie en alles fine koe, dat se foar har skriuwerij brûke moast.
Doe't alle eksamens yn Switserlân efter de rêch wiene, kaam Dieuwke ek nei Bunnik ta. Hja krige wat oanslach as muzyklearares en as diriginte fan in bernekoar en sleat har al rillegau oan by in rûntsje fan artistike jongelju. As mem hie hja har net te folle bemuoie wollen mei de freonskippen fan har folwoeksen dochter. Ien namme hearde se har opfallend faak neamen: dy fan in keunstskilder en hja hie har al ris ôffrege oft dy jongeman faaks wat mear foar har betsjutte, doe't Dieuwke him op in sneontejûn oan har foarstelde: ‘Sjoch, Mem, dit is no Anton van der Stok, wy sille jûn te dûnsjen en miskien wol ik ek wol mei him trouwe.’ Ferbjustere hie se in skoft sitten te prakkesearjen, doe't de jongelju mei in flechtich ‘oant strak!’ ôfset wiene. Dy Anton hie amper in foet yn de keamer hân. Gong dat sa tsjintwurdich? Trouwe? Wat wist Dieuwke fan him ôf, wat hie dy jongeman foar perspektiven? Syn heit hie yn Ynje op in plantaazje wurke, mar wenne no yn in grut hûs yn Bunnik; dat hie Dieuwke har al ris oanwiisd. Hy hie in doctorstitel, mar hoe en wat? Hja wist der neat fan. Piter syn heit hie destiids noch offisjeel in brief oan har heit skreaun om it oansyk fan syn soan ta te rieden. No waard it har even tusken noas en lippen meidield, dat dy losse freon faaks wol har skoansoan wurde soe. Anton wie yn Batavia berne. Hiene syn âlden dêr noch besittingen? | |
[pagina 240]
| |
Wat soe der barre, as de famylje dêr fannijs hinne wolle soe? Soe Dieuwke dan meigean? Sa fier fuort, hja moast der net oan tinke!
Yn de dagen dêrnei besocht se mei har dochter te praten oer har plannen foar de takomst. It bern like nei dat feest fan sneontejûn noch slimmer fereale te wêzen as dêrfoar. Hie Mem it net in geweldige fint fûn? Sa kreas, sa ynteressant en artistyk? Nee, in oplieding hie er net ôfmakke. Dat hie yn Ynje ek net sa goed kinnen, mar hy skildere prachtich en hy etste en dichtsje koe er ek. En in dichter koe gjin faam wjerstean, no Mem? Dieuwke hie leaf nei har knypeage en se wie sa fleurich. As hja wurk fine koe yn it bûtenlân, sei se, dan trouden hja fuortendaliks. ‘Wêrom yn it bûtenlân, famke?’ ‘Och, Mem, hjir is alles dochs fierstente lyts en te benypt foar in keunstner as Anton. Ik snap net, dat Mem it hjir sa nei 't sin hat. Bunnik is sa'n lyts gat! Ik hâld it hjir net út! Ik soe sa wol werom wolle nei Genève, nei de stêd, nei dy prachtige winkels en nei de bergen. Ik bin fan doel de lju fan de ‘Landerziehungsheime’ oan te skriuwen om te freegjen oft hja oan ien fan har skoallen net ien foar muzyk brûke kinne. Ik haw myn diploma no. Ik kin rûnom terjochte.’ Hja hie besocht Dieuwke in bytsje del te bêdzjen. Hja wie noch sa jong. Woe se net leaver earst wat fan de frijheid genietsje? Hja fertsjinne no al hiel aardich en it wurk foldie har dochs goed? Soe it net ferstannich wêze en set it mei dy trouplannen earst mar ris in skoftke op in sêft sin? Hja koe dan earst noch wat sparje. Hoe lang koe hja Anton no hielendal? In pear moanne ommers noch mar! Hie se der al ris oer neitocht, wat Heit dêrfan fine soe, as hja sa hookstrooks troude en nei it bûtenlân ôfsette? Sa graach hie se har dochter noch wat soargeleaze jierren gund, mar it gong krekt sa't it altyd gien wie, as hja ris rêstich mei Dieuwke prate woe. Dy hie gjin ferlet fan wize wurden en riedjouwings. Mem moast net sa âlderwetsk dwaan, hja libben no net mear yn de foarige ieu. As it safier wie, soe se sels Heit wol om tastimming freegje foar har houlik. Hja skattere it út: ‘Net sa earnstich sjen, Mem, ik regelje it wol mei de âldehear. Ik krûp him even oan en ik laitsje ris leaf nei him, dan fynt er it samar goed! Hy kin syn “kleine Walküre” neat wegerje ommers.’ | |
[pagina 241]
| |
En dêr flutte se wer hinne: noch even nei Anton, even sjen, oft it portret dat er fan har makke, moai waard. | |
13.Op 26 april 1911 troude Dieuwke mei Antonius Henricus van der Stok. Breid en brêgeman wiene beide noch mar 21 jier. Noch deselde deis sette it jonge pear ôf nei Oberhambach yn Hessen, dêr't Dieuwke oan it wurk koe by in ynstitút fan dr. Lietz. Yn it earstoan krige se wakker opteine brieven. Al nei in pear moanne hie har dochter oankundige, dat hja beppe wurde soe en op 24 jannewaris 1912 wie der in jonge soan berne. Dieuwke en Anton koene like hurd as hjasels destiids, hie se útrekkene, mar men hie mear as trije jier ferloofd west. De âlde tradysje fan it ferneamen waard mei brutsen sûnder dat Dieuwke der ea wat oer skreaun hie. Anton syn heit wie in Johannes Paulus, de lytse jonge waard opskipe mei de nammen Heinrich Adrian Karl Wilhelm. Yn Dútslân skynden net-Dútske nammen net aksepteard te wurden. Hja neamden him gelokkich gewoan Hans. Hja wie bliid, dat alles goed like, mar makke har lykwols in protte soargen oer dy bern dêr sa fier fan hûs. Hoe moast dat komme mei Dieuwke har baan, no't hja in poppe hie? Fan wat Anton as keunstskilder fertsjinne, soene hja grif net bestean kinne. It klimaat wie foar artysten yn Dútslân dochs net sa geunstich as hja it har foarsteld hiene, safolle hie se tusken de rigels troch wol lêze kinnen yn Dieuwke har brieven.
Yn febrewaris reizge se nei har dochter en skoansoan ta om har earste beppesizzer te bewûnderjen. It jonkje like op syn heit. Hy hie brune eachjes en in moaie tûfe dûnker hier, mar al wie it in dúdlike Van der Stok, hy hie ek fuortendaliks wat eigens foar har hân. Doe't hja him út syn widske krige, fielde se, dat hja slim wiis wie mei dat protsje minske. De rook fan sjippe en salve, fan molke en seewier dy't er oan him hie, die har sterk tinken oan har eigen bern, doe't dy noch hiel lyts west hiene. Ja, sa rûkte sa'n widzematraske: krûdich en mei in wat skroeierich luchtsje fan de wol fan de kantsjehoas dertrochhinne. | |
[pagina 242]
| |
Hja hie it lytse jonkje koeze en tute en har sa lokkich en grutsk field as in beppe mar wêze koe, hast noch blider as safolle jierren tebek mei Dieuwke sels. De jonge mem wie al wer fiks by de wurken, mar seach noch wol slim wurch ta. Sûnt de bruiloft hie se Dieuwke en Anton net wer sjoen. It famke like ynienen in hiel ein âlder wurden. It bern hold har krankyl, mar hja hie wol fernommen, dat it har net tafoel, it houlik. Anton wurke geregeld, mar hy koe net folle fan syn wurk slite. Inkeldris naam in galery in stikmannich skilderijen yn kommisje, mar meastal krige er dan nei ferrin fan tiid in seintsje, dat er se mar wer ophelje moast, omdat der gjin keapers foar kamen. It wie net in minne jonge mar wol frijwat eigenikkich, tocht se, doe't hja by dy earste útfanhuzerij de bern yn harren omgong mei elkoar observearre. Anton hie yn Ynje grif wend west om him betsjinje te litten. Hy fûn it deagewoan om Dieuwke te kommandearjen. Hja koe har dochter goedernôch om te witten, dat dy dat net lang akseptearje soe. As Anton frede mei har hâlde woe, soe er wol omstean leare moatte! Hja hie har hillich foarnommen har der net mei te bemuoien en gjin rie te jaan, salang't har neat frege waard, mar hja biet har soms hast it puntsje fan de tonge ôf. Och, Anton en Dieuwke wiene beide noch jong, hold se harsels dan nachts mar wer foar, as hja net sliepe koe fan de prakkesaasjes. Hja koene noch in soad leare. De jonge âlden wiene beide tige wiis mei de lytse poppe, dat koe elts wol sjen. As Dieuwke aanst wer fluch wie en net mear sa gau op ien ein, dan soene hja it wol rêde tegearre. It hûs dat de jongelju yn Oberhambach hierden, wie net grut en de keamer mei de measte romte wie ynrjochte as atelier foar Anton. Mei trije folwoeksenen rûnen se inoar dêr yn dy Beriestrasse frijwat foar de fuotten. Hja wie mar net te lang bleaun. Doe't hja wer yn Bunnik wie, wie se ûnwennich fan it jonkje. | |
14.In skoftke letter die bliken, dat hja har net fersind hie, al hie se it sa net hawwe wollen. De knyntsjedagen wiene wol foargoed foarby | |
[pagina 243]
| |
foar de jongelju. Dieuwke begûn yn har brieven sûnder omwynsels te kleien oer Anton. Hy liet har der fierstente folle allinne mei ompakke. It wurk oan it ynstitút èn de hiele húshâlding èn de soarch foar lytse Hans, alles kaam op har del en hja hie it gefoel allegeduerigen jage te wurden. Nea wie der in momint, dat se klear wie en tiid om ris wat te dwaan, dêr't hja sels nocht oan hie, skeat der alhielendal net mear oer. Sels Heit, dy't it altyd sa smoardrok hân hie, hie dochs eartiids ek wolris wat mei de bern dien? Oppast as Mem siik wie, foarlêzen, mei har kuiere? Anton fûn dat allegearre frouljuswurk! It wie foar him al in swiere opjefte om om de poppe thús bliuwe te moatten, as hja nei har wurk wie. Hja hie besocht om it Dieuwke ek ris fan de oare kant besjen te litten. In man hie der no ienris altyd wat mear muoite mei om te wennen oan de feroaringen dy't in bern meibrocht. Hy hie der ommers lang net sa nei tagroeie kinnen yn dy njoggen moanne, dêr't in mem sa'n sterke bân yn krige mei har bern, dat wie dochs logysk! Wie der net ris in buorfrou of in goekunde dy't in skoftke op Hans passe koe? Dan koe Anton by syn wurk bliuwe. En as Mem dat no ris betelle, soe Dieuwke dan net foar in pear oeren deis in faam ynhiere kinne? Hja soe perfoarst besykje moatte om ek ris wat tiid foar harsels te finen, oars hold se it net fol en koe se aanst net iens mear genietsje fan har jonkje. En it wie dochs sa'n prachtich keardeltsje!
It mocht net bate. Ut de brieven fan har dochter koe se wat langer wat dúdliker priuwe, dat it har oer wie. Dieuwke klage, dat Anton neat ynbrocht en fan har ferwachte, dat hja wol rêde soe mei it jild. Hy koe ommers net wurkje mei sa'n skriemend bern yn 'e hûs! Nó ja, as it sa moast! Hja krige skjin har nocht fan syn ivige ferwiten. ‘Wol Mem net ris om har hinne sjen, oft ik yn Nederlân wer oan de slach komme kinne soe? As ik wurk fyn, dêr't ik mei myn jonkje fan bestean kin, dan kom ik werom!’ Hja wie rare kjel wurden fan dy meidieling. Dieuwke neamde it wurd skieding net, mar it like der in soad op, dat hja har man yn 'e steek litte woe. Mei in tal minsken dy't hja koe út de wrâld fan de muzyk, hie se kontakt opnommen en frege om it har witte te litten, as der earne in | |
[pagina 244]
| |
plakje frijkaam, mar folle kunde hie se net yn dy rûnten. As Dieuwke dat wolle soe, soe se har miskien wolris oan in fertaalopdracht helpe kinne. Hja krige sels safolle wurk taskood de lêste tiid, dat hja it amperoan neikomme koe. Alles woe se wol dwaan om te helpen, mar se moast àl wenne oan it idee, dat har grutske, ûnôfhinklike dochter hàr no om help en rie frege. Dieuwke hie der sa wis fan west, dat hja yn Anton in maat foar it libben fûn hie. En no sa! Noch mar goed twa jier troud en no al byinoar wei. It woe net rjocht yn har del, dat it sa moast en dat skreau se Dieuwke ek. Hja soene elkoar wat tajaan moatte, de skerpe kantsjes soene troch de botsingen wol fan harren karakters ôfslipe wurde. Anton wie wat bedoarn en hja hie sels ek net sa'n maklik karakter, mar as hja faninoar holden, soene hja dochs om wille fan har jonkje wol wat ynskikke kinne?
It die gjin fertuten: Dieuwke sette troch. Hoe't hja it klear krige hie, wie har nea rjocht dúdlik wurden, mar yn de simmer fan 1913 liet se witte, dat hja wurk fûn hie yn Haarlim en dat der kâns wie, dat hja it hûs fan har foargongster oan de Gasthuissingel ek oernimme koe. Soe Mem no net mei har meigean wolle? Dan koe Beppe op lytse Hans passe, as hjasels oan it wurk wie. Hja hope ynlik, dat Mem dat om har dwaan woe. Mei Anton soe it nea wer ynoarder komme en hja woe perfoarst út Dútslan wei. | |
15.En sa hie se yn oktober 1913 foar de safolste kear sûnt har eigen skieding wer tusken de ferhúskisten yn in leech hûs sitten. En foar de safolste kear moast se besykje in thús te meitsjen fan in wenning, dy't har earst noch mar frijwat kâld en fijannich oanseach. It soe wol wer wenne! It hûs lei moai tichteby it sintrum fan de âlde stêd. It hie wol in aardige wenkeamer, twa gruttere sliepkeamers en in moai ljocht keammerke op it suden, dat hja fuortendaliks foar Hans ornearre hie. As Jelle thúskaam, koe dy wol op it útfanhuzersbêd op 'e souder sliepe. Hja krige it gefoel no al foar de twadde kear yn har libben troch har eigen oantinkens ynhelle te wurden. Fan Utert nei De Haach, nei | |
[pagina 245]
| |
Haarlim en werom nei De Haach en Utert om oer Parys, Genève en Bunnik fannijs yn Haarlim te bedarjen. It wie my de reis wol! It soe har neat fernuverje as hja wer yn Fryslân einige. It wie mar goed, dat hja eins wol aardichheid hie oan it ynrjochtsjen fan in hûs. It wie dochs alle kearen in nij begjin mei nije kânsen en mooglikheden. Suver fleurich makke se in kiste los en begûn de boeken te oarderjen yn in kast by wat tenei har wurkhoekje wurde moast. De eigen rispinge sette se byinoar op in rim. It waard al in hiel rychje, tocht se, doe't alles dêr't hja ea oan meiwurke hie, kreas njonken elkoar útstald stie. Elts boek joech har oantinkens oan de tiid, dat it skreaun wie. As hja ien yn 'e hannen naam, wist se wer krekt, wêr't hja it ferhaal betocht hie en yn hokker omstannichheden it op papier kommen wie. Alles deromhinne kaam dan ek wer boppe: de ûnderhannelingen mei útjouwers en yllustratoaren, it momint, dat hja it kontrakt tekene hie, de dei, dat hja it foar it earst as boek sjoen hie. It lêste boek dat fan har útkommen wie, hie Oude en nieuwe verhalen west. In earlike titel, want it wie lang allegear gjin nij wurk dat dêryn gearswile wie. Kluitman hie har, doe't hja mei him oer dat boek yn petear wie, ek in kontrakt oanbean foar in nije edysje fan Afke's Tiental dat er al yn 1906 oerkocht hie fan de firma Wolters op de feiling fan dy harren berneboekefûns. Hy wie ree har twahûndert gûne út te beteljen foar in twadde en alle folgjende werprintingen. In moai bedrach, dat hja sa mei dy ferhuzerij bêst brûke koe. Hja fielde har tankber, dat hja harsels finansjeel no rojaal rêde koe en út en troch de bern ek nochris wat tastopje mocht. De Alkmaarske útjouwer rekkene der grif op, dat it boek it ek fierder goed dwaan soe. Hy hie har ek al wer frege om op 'e nij in ferhalebondel gear te stallen. Hja hie noch wol wat materiaal te lizzen, mar hja soe ek oan it wurk moatte. Sjesa, dat wiene de boeken, no it losse guod. Hja makke in folgjende kiste iepen. Hea, wat lei dêr boppe-op? Mem har portrette-album. Hja wist net iens mear, dat dat destiids út De Haach wei by har bedarre wie. Yn Bunnik wie se der nea oer gear kommen om alles, dat út de opslach kommen wie, út te pakken. Op de earste de bêste stoel dy't hja tsjin kaam, gie se sitten en begûn te blêdzjen. Dêr, Beppe Jetske! Wat in âlderwetsk wyfke mei dy ferwielen strik om 'e hals! En sjoch, Pake Klaasesz en Muoike Sjouk- | |
[pagina 246]
| |
je, beide al mear as in heale ieu wei. Hja koe har allinne mar fan foto's. As jongste bern fan âlden dy't har frijwat let noch krige hiene, hie se fan har pakes en beppes net ien kend. Mar der stiene ek gâns famyljeleden yn Memme album, oan wa't hja libbene oantinkens hie. Dêr wiene Muoike Hinke en Omke Ale út Grins. En in staasjeportret fan Heit, doe't er noch mar krekt dûmny west hie yn Foudgum, en dêrnjonken ien fan Muoike Katrine. En dy? Och, dat wie âlde Nynke fan Foudgum, Heit syn faam yn de pastorij fan syn earste gemeente. Hja blêde wer fierder en betocht, dat har mem altyd tige sunich op dat album west hie. As bern hiene hja en har susters der allinne mar yn sjen mocht, wylst Mem it sels fêsthold. En dan woe hja earst ek noch hanwaskje. Och, Mem! It waard mei har strak yn jannewaris ek al wer njoggen jier dat hja wei wie. Hja miste har noch alle dagen. It wie oars mar in gelok, dat Heit en Mem net mear meimakke hiene, dat hja skieden wie fan Piter. Dêr soene hja grif in protte fertriet om hân hawwe. En no wie it mei Dieuwke, Beppe' famke, alwer itselde. Piter hie ek altyd wiis west mei Mem. Miskien hie er him, as hja doe noch libbe hie, fan har noch wol belêze litten om syn frou net yn 'e steek te litten. Unsin, hja moast harsels net foar de gek hâlde! As it Sjouk doe net west hie, dan wie harren houlik wol op wat oars stikken rûn, earder of letter. Hja wiene byinoar weigroeid. Dat hie se sels ommers al lang witten, foardat Piter der ek mar praat fan hearre wollen hie.
Unsre liebe vier Wände Du hast sie bereitet,
ich habe sie dir zur Welt geweitet -
o Glück!
It album lei se op de ûnderste planke fan de boekekast. Hja soe no in thús meitsje foar har dochter en dy har jonkje. It die har goed, dat Dieuwke har dat frege hie al wie it slimmernôch, dat it famke sa gau al fêstrûn wie yn har houlik. Soene Dieuwke en Anton echt, offisjeel skiede wolle? Hja dûkte wer yn in oare doaze en fandele der in steapeltsje brieven fan har dochter út. Dy moasten mar yn it geheime laad fan 'e sekretêre. Dieuwke moast se letter mar ris wer oerlêze, no soe it noch te | |
[pagina 247]
| |
pynlik wêze. De foto fan lytse Hans krige in eareplakje op de skoarstienmantel. Hearlik, dat hja him aanst alle dagen om har hinne hawwe soe. Soe er al ‘Beppe’ sizze kinne? Beppe Nynke, sa woe se graach neamd wurde. It wie nuver, mar dy Sjoukje-namme hie se foar har gefoel altyd mar liend hân. Earst fan har jongferstoarne muoike en letter fan har opfolchster-tusken- skrapkes, sa't Piter syn twadde frou neamde yn syn brieven. ‘Nynke’ wie har sa njonkelytsen al sa eigen wurden, dat hja soms har brieven oan de âlde freondinnen der mei ûndertekene; ‘Sjoukje Troelstra’ kaam har net mear ta en ‘Sjoukje Bokma de Boer’ hie se al salang net mear west. Wat wist men derfan, wat it libben jin bringe soe, as men de hân sette op de trou-akte. Dan tocht men dochs, dat it de lêste kears wie, dat men mei jins famkesnamme tekene. As alles in bytsje oars rûn wie, hie se no ek noch wol de frou fan in minister wurde kinnen. Hja moast laitsje by it idee: de frou fan in minister op 'e knibbels foar in ferhúskiste! It hie wol wat fan de situaasje - jierren lyn yn De Haach - doe't Piter as Keamerlid in offisjele útnoeging foar in hofbal yn ûntfangst nimme moatten hie, wylst er krekt dwaande wie de kachel út te heljen. Jelle hie it har letter yn geuren en kleuren ferteld, hoe't Heit doe - mei swarte hannen en swarte fegen oer it gesicht - beard hie, dat er de húsfeint wie. De lakei mei syn kreaze glasees oan hie him de suverwite, deftige slúf mei it kroantsje derop hast net iens oerlangje wollen! Dêr hie hja doe noch in ferhaal fan makke: ‘Hoe Pappa Jan en zoontje Jan de huishouding deden.’ Wat in komediant hie Piter soms west! Hja koe har him eins ek net foarstelle as minister. Fansels hie se de hiele kabinetsformaasje mei oandacht folge. Dat gong dochs nea oer, de belangstelling foar wat der yn de polityk barde. As der Keamerferslaggen yn de krante stiene, seach hja noch altyd oft Piter syn namme ek neamd waard. De S.D.A.P. hie by de lêste ferkiezings in enoarme winst boekt. Fan sân wiene se op achttsjin sitten kommen en foar it earst hie de Keninginne doe ek in sosjalist om advys frege. Piter hie as polityk lieder fan syn partij nei paleis Het Loo ta moatten. Alde Lourens Zandstra yn Ljouwert hie er foar de aardichheid in briefke skreaun op papier mei it briefhaad fan it paleis, dat klear lein hie yn de keamer, dêr't er wachtsje moast oant de Keninginne him ûntfange koe. | |
[pagina 248]
| |
Zandstra hie it har wer skreaun. Hy hie der wakkere grutsk op west! Foar Jelle hie Piter in besitekaartsje meinommen fan Het Loo. ‘Ter herinnering aan een groot moment in mijn leven, for Jelle fan Heit’ hie er dêrop skreaun, mei de datum: ‘5 Juli 1913’. Har soan hie it yn in brief meistjoerd mei de fraach oft Mem der salang wol op passe woe. Yn Dútslân hie er net folle romte foar persoanlike besittings en hy woe it perfoarst net kwytreitsje! Dat dy manlju soks no sa wichtich achten, hie se tocht. Alle trije sosjaal-demokraat yn ieren en sinen, tsjin it keningskip mei syn erfopfolging en dochs sa grutsk as in bern om sa'n papieren sûvenirke. Hja wie der oars wol wis fan, dat it Piter net om in moai baantsje te dwaan wie, al waard soks fansels wol wer grute troch syn tsjinstanners. It gong him om de saak fan de arbeiders. It Algemien Kiesrjocht en it Steatspinsjoen hiene de wichtichste punten west yn de lêste kampanje. Dat hie de kiezers oansprutsen. De fraksje mear as twa kear sa grut, wat in prachtich resultaat! It kaam de S.D.A.P. winliken no wol ta om ministers te leverjen, mar der wie yn de partij gjin ienriedigens oer de frage oft de sosjalisten al of net regearferantwurdlikheid op har nimme moasten. Kautsky hie der altiten op tsjin west. De hannen waarden jo bûn en jo koene jo maklik kompromittearje. Mar nei alle fernederingen dy't de sosjaal-demo- kraten yn de Keamer te ferduorjen hân hiene de jierren troch, soe it fansels wol in hiele eare wêze! Hja besocht yn Piter syn artikels yn Het Volk tusken de rigels troch te lêzen, wat kant oft hy út woe. Oan syn formulearringen koe se noch altyd wol sjen, oft it him nei it sin gie of net. It koste him no dúdlik muoite de ienriedigens te bewarjen yn de fraksje. Dêr wiene fansels ek lju by, dy't har prinsipes maklik ynroalen foar in moaie post. Piter hie op it kongres yn Swol plan-út sein, dat er foar himsels, as it al safier komme mocht, gjin ministerspost ambiearre. Hy wie mear folkstribún as bewâldsman! Justysje soene hja ek grif net oan de S.D.A.P. tabetrouwe! En it Ministearje fan Oarloch ek net. Soe de ynternasjonale solidariteit tusken de arbeiders yn dizze tiid in oarloch keare kinne? It wie slim ûnrêstich yn Europa. Hja wie mar bliid, dat Dieuwke en Hans aanst wer út Dútslân wei wiene. En Jelle? Soe dy opkomme moatte as der in mobilisaasje ôfkundige waard? Hy wie destiids, nei't er koart ûnder tsjinst west hie, ôfkard. | |
[pagina 249]
| |
Mear, omdat de legerlieding him polityk ûnbetrouber achte, as om redenen fan sûnens nammers. Mar as hja no alle jonge mannen oprôpen, soe hy dan frij bliuwe? Hja moast der net oan tinke, dat er nei it front stjoerd wurde soe. Mar kom, hja moast earst sjen, dat se har eigen rommel oan kant krige. Hja tôge de lege kisten en doazen nei de gong en begûn in folgjende út te pakken. Hja moast avensearje, aanst kamen de bern. | |
16.It hie in útsûnderlik waarme dei west, sa'n echte gleone sinnedei, sa't der yn in Nederlânske simmer meastal mar in stikmannich binne. De hiele middei hie de termometer boppe de 80 graden oanwiisd en noch hong de waarmte tusken de huzen. Dieuwke hie tsjin sânen ornearre, dat hja Hans noch mar stikem in hoartsje bûtendoar boartsje litte soe. Hy siet noch sa moai te taartsjebakken yn de sânbak en op syn keammerke boppe wie it dochs noch fierstente near. It hie har ek neat net slim talike, as it jonkje ris wat letter op bêd kaam. Faaks sliepte er dan moarntemiddei nochris in skoftke. Hja stie der yn dy snuorje oerdeis allinne foar en as har hannebinerke even slûge, koe hja har faaks ek even deljaan. Hans waard al in hiel mantsje mei syn goed treddel jier en lykas alle beukers fan dy âldens koe er soms knap dwers en koppich wêze. En wat in enerzjy hie sa'n bern! Hja wie ôfgryslik wiis mei har beppesizzer - it like har soms as mocht se no ynhelje, wat hja destiids mei har eigen bern mist hie - mar hja woe wol wêze, dat se der soms oan 'e ein fan 'e dei nei útseach, dat syn mem mar wer thúskomme soe. Hiene Dieuwke en Jelle net folle rêstiger west? Hja wist der net folle mear fan, hoe't dy har op dy jierren hâlden hiene. Dieuwke, dêr hie ek altyd in kopke op sitten, mar doe't dy twa jier wie, hie hjasels te siik west om har folle mei it bern bemuoie te kinnen. It wie eins mar in wrede grap fan it libben, dat hja de lêste jierren safolle sûner en sterker wie as foar de skieding. As hja doe sa goed west hie as no, dan hiene se dy hiele Sjouk nea nedich hân. | |
[pagina 250]
| |
Nei sa'n waarme dei mei lytse Hans wie se no ek ynein, mar hja sliepte tsjintwurdich bêst en as it jonkje moarn betiid wer om Beppe roppe soe, dan soe se mei in blier herte fan it bêd komme, klear foar nije aventoeren! Hans holp op syn manier wakker mei yn 'e húshâlding. As hja de bêden rjocht luts, kroep hy dêr steefêst op om en boarte pi-ba mei de lekkens. Tegearre fagen se de flier en stoffen de meubels ôf en en hy woe ek altyd och sa graach helpe by it blommen wetter jaan. It koe har eins neat skele, dat er derby ôfgryslik griemde. Hja hie it ommers de hiele dei wol oan tiid, om de boel wer op te rêden! By moai waar sieten se yn it túntsje efter hûs of kuieren tegearre in eintsje en as it reinde, diene se in spultsje of hja lies him foar.
Hja waard der suver kjel fan, doe't Dieuwke har sêft oanstjitte en frege, wêr't hja toeve mei har tinzen? ‘Wie Mem yn 'e sliep rekke? It waard sa stil njonken my! Ik haw Hans ûnderwilens al op bêd brocht en Mem hat der neat fan fernommen.’ ‘Och, ju, ik leau, dat ik echt eefkes slûge haw. De lea befalt jin. Wat is it in seldsum moaie jûn, net Dieuwke? It muoit my, dat ik de lytse jonge no net mear dachsein haw. Ik sil him aanst noch even in tútsje bringe.’ ‘Ik haw tee makke, wol Mem noch bûtendoar bliuwe?’ Wylst hja yngeat en dernei noch wat fan Hans syn boartersdingen oprêde, sei Dieuwke: ‘Wy sieten niis sa gesellich te praten. Ik begryp no folle better, hoe't it libben fan Heit en Mem west hat. Miskien moat men earst sels troud west hawwe om te begripen, wat it is jins libben alle dagen en alle nachten mei ien te dielen.’ ‘Men kin nea oan de binnenkant fan in oar syn houlik sjen Dieuwke, der binne dingen tusken man en frou, dy't in oar nea begripe sil, al stiet er jin noch sa nei!’ ‘Dêr hat Mem gelyk oan, ik hie net tocht, dat Anton amper romte foar in frou hawwe soe yn syn libben. Lit stean fan foar in frou mei in bern. Hy wie oars echt wol wiis mei ús, mar hy woe der neat foar opjaan, syn tiid wie hillich, syn wurk it iennige, dat der ta die.’ ‘Hoe binne no jimme plannen, Dieuwke? Ik wol net nijsgjirrich wêze, mar ik seach hjoed by de post in brief fan dyn man. Wat skriuwt er?’ | |
[pagina 251]
| |
‘Hy wol skiede en freget my om der by in advokaat nei te fernimmen, hoe't de fâdije oer Hans it bêste regele wurde kin. Ik sil der sa gau mooglik ris mei Heit oer prate. Gelokkich wol Anton de skuld wol op him nimme en my it bern litte, skriuwt er. Dêr wie ik bang foar, dat er syn soan net ôfstean wolle soe. Mar hy giet nei Ynje werom, is it doel en dat is neat wurdich mei sa'n lyts bern.’ ‘Der falt my in stien fan it hert,’ sei se, wylst hja har dochter mei fernuvering oanseach. Dat Dieuwke sa kalm bliuwe koe! ‘Wit Mem wol, dat ik Anton net iens sa bot mis? Wylst ik, doe't wy krekt ferkearing hiene, miende, dat ik gjin dei en gjin oere mear sûnder him koe! Ik soe no absolút net mear werom wolle, ek al soe Anton my dêrom smeke! Wy hawwe it hjir goed mei ús trijen en Hans is no folle rêstiger. Sa'n bern hat der grif weet fan, as der spanningen binne tusken de âlden.’ ‘Dan is it sa miskien mar it bêste, Dieuwke.’ ‘Hoe soe dat no komme, Mem, dat men jinsels sa ferlieze kin? Ik miende oars altyd, dat ik wol aardich los fertroud wie.’ ‘Ik wit it net, bern, dat haw ik mysels ek gauris ôffrege. Ik leau eins, dat it sa is, dat alle froulju har grutsk fiele, as in man wurk fan har makket. Sa begjint it. Dan wolst oan syn ferwachtings foldwaan en óanhinklik feroaret sûnder datst dêr erch yn haste al gau yn ôfhinklik.’ Dieuwke knikte betochtsum. ‘Frjemd eins, dat jo der as bern nea by stilsteane, dat jo âlden ek in leafdespear binne. Ik soe earder noait mei Mem oer sokke dingen praat hawwe. Doe't ik lyts wie, woe ik leafst, dat Mem mar in gewoane mem wie. Dat Mem skriuwster wie, fûn ik wol moai, mar allinne as ik der neat fan fernaam. Dat wurk moast jûns mar dien wurde, of as wy op skoalle wiene. En letter, doe't ik sa'n opslûpen fanke wie, doe skamme ik my soms. Doe fûn ik Mem sa'n stiif en âldsk minske.’ ‘Do moatst net ferjitte, dat ik tige beskerme grutbrocht wie, Dieuwke, it wie sa'n oare tiid en wy wennen op in doarp. Ik wist noch fan neat doe't ik troude.’ ‘Ja, Parys en Genève wiene wol wat oars as Dokkum!’ ‘Ja, fansels, mar minsken bliuwe minsken. Yn it bûtenlân jilde oare noarmen. Guon dingen lykje dêr minder slim fûn te wurden. In skieden frou is yn Parys gjin útsûndering, dat wie my earst wol noflik, mar úteinlik wit men wer, dat dat gefoel fan skamte yn jinsels sit. | |
[pagina 252]
| |
Witste, Dieuwke, ik haw wolris tocht, dat ik in berop kieze moatten hie en nea trouwe, mar soks bestie noch net yn ús tiid. De leafde foar myn man, it frou en mem wêzen hat my nea folslein ferfolje kinnen, al hoe wiis ik ek mei jimme wie. Ik tink, dat der oaren binne, dy't dêr in libben lang genôch oan hawwe. Sa'n ien as Sjouk, dy hat oan troud-wêzen genôch om lokkich te wêzen, wol ik leauwe. Dy kin har hiele siele lizze yn de soarch foar har man. Of in beskieden minske as Beppe Dieuwke, mar dy waard fan Pake dan ek op hannen droegen. Dêr wie ik wolris jaloersk op. Doe't jimme heit syn libben hyltyd mear bûten de doar kaam te lizzen, woe ik sels ek immen wêze, net allinne mar syn oarehelte. Sadwaande moast er my letter diele mei myn eigen ambysje.’ ‘Dêr koe er dochs gjin beswier tsjin hawwe?’ ‘Dochs wol, want ik wie net sterk genôch om myn skriuwen derby dwaan te kinnen. Seist it niis sels, as bern woesto der ek gjin lêst fan hawwe. Heit fûn, dat ik myn earste plichten ferwaarloazge.’ ‘Wat in ûnsin, Mem!’ Och nee, ju, ik begriep dat wol. Hy hie in ôfhinklike frou fan my makke en sa woe er my hâlde, bang dat ik oars wer rare dingen dwaan soe, lykas doe't ik sa swier oerspand west hie. Sjoch, ik hie nea net folle selsfertrouwen hân. As bern wie ik mar sa'n lyts, skraal ding, mar mei't jimme heit my leauwe liet, dat er my bysûnder fûn, groeide ik en doe't ik wist, dat er it my miende, haw ik my oerjûn oan syn leafde. Sa hie it bliuwe moatten, ek foar him, mar ik moast sa nedich ek noch Nynke fan Hichtum wêze. Dat dat úteinlik myn rêding west hat, hat er nea sjen wollen. As skriuwster bin ik úteinlik it measte mysels wurden.’ Dieuwke hie har even yn de hân knypt. ‘Mem, wat bin ik bliid, dat wy no ris echt mei-inoar prate. Eartiids hold ik it measte fan Heit. Ik fûn it begrutlik foar him, dat er sa faak allinne derop út moast. En ik fielde my sels soms sa ferskriklik yn 'e steek litten as Mem yn it bûtenlân wie om dan mar wer ris te kueren. Mar dat wie dochs altyd noch better, as wannear't Mem siik boppe op bêd lei, dan wie it hielendal sa ûngesellich yn 'e hûs. Ik wie ek jaloers op Jelle, omdat dy nea lilk of opstannich waard.’ ‘Do hast no ienkear net sa'n noflik karakter as dyn broer en dêr hast sels it measte lijen mei, faam. Do hast mear fan de Troelstra's, dy bûge har net sa maklik.’ | |
[pagina 253]
| |
‘Dêr klage Anton ek altyd oer.’ ‘Jimme heit en ik hawwe ek wol tige lokkich west tegearre, de earste jierren dat wy troud wiene. Dat kin gjinien my mear ôfnimme. Alles is misgien, doe't ik siik wurden bin. Heit moast letter altyd rekken mei my hâlde. Syn begrutsjen krige al gau wat delbûgjends, dat die my sear. Fereale opinoar, lykas doe't wy krekt troud wiene, wiene wy doe net mear. Dat bliere, dy ferwûndering om wat jo yninoar ûntdekke, dat is tusken ús al gau ferlern gien, mar ik hold mysels foar, dat dat yn de measte houliken wol sa gean soe. Elts minske komt allinne op 'e wrâld en giet der allinne wer ôf. It is moai as jo in ein mei ien oprinne kinne, mar winliken is it wol begryplik, dat de wegen soms ek wer útinoar bûge. In frij minske koerst op syn eigen kompas! Dochs sil der foar my nea in oare man wêze.’ ‘Ik kin my Mem ek alhiel net mei in oare man foarstelle.’ ‘Wy hawwe it dochs ek wol faak goed hân mei ûs fjouweren, net Dieuwke? De kuiertochten en de reizen by it simmer, jimme jierdeifeestjes, it sinteklaazjen, it mei-inoar sjongen wylst Heit op 'e piano spile? Jimme krigen de kâns om ek hiel bysûndere minsken te moetsjen.’ Dieuwke knikte ferheftich: ‘Ja, jawis al!’ Doe hie it iene ferhaal it oare úthelle. Fan doe't Dieuwke ris mei Sinteklaas in soadsje stôkfisk oanklaaid hie as in minskefamylje en fan it prachtige fers, dat Piter dêrby makke hie. Fan de fakânsjes yn Fryslân, it silen op de mar, de partijgenoaten út Utert, dy't faak meigien wiene op de tochten dy't hja as famylje op snein mei-inoar plichten te meitsjen. Ynienen neamde Dieuwke dy frjemde juffer Cornélie Huygens, dy't yn Utert ek faak by harren west hie. De earste frou yn it Bestjoer fan de S.D.A.P. Hja wie letter noch troud rekke mei Bahlmann. Al sa'n singelier houlik! Nei in pear wike al hie hja harsels te koart dien yn de fiver fan it Vondelpark. Heit wie der troch de plysje noch by helle om har te identifisearjen. Troch it opheljen fan dy drôvige histoarje wie Dieuwke ynienen wer earnstich wurden. Hja fielde, dat har dochter der ferlet fan hie oer har eigen dingen te praten. Dat hja mei Anton net fierder koe, dêr wie se wis fan, sei se, mar dat woe net sizze, dat der nea wer in man yn har libben komme koe. Ik bin och sa tankber, dat Mem Hans en my opheine wollen hat, doe't ik út Dútslân weromkaam, mar as ik it roaie kin, wol ik mei- | |
[pagina 254]
| |
dertiid dochs wer op mysels wenje mei myn bern. It is net goed om altyd by Mem hingjen te bliuwen en ik sjoeh ek wol, dat de soarch foar Hans Mem swier genôch falt.’ Hja hie fûleindich skodholle: ‘Wolnee! Hoe komst derby!’ ‘Mar Mem komt alhiel net mear oan har eigen wurk ta.’ Hja weau al Dieuwke har beswieren fuort en sei, dat se bliid wie, dat hja har dochter helpe koe en dat it absolút gjin opoffering foar har wie om op dat leave jonkje fan har te passen. Mar as Dieuwke frij wêze woe, dan soe sy har net tsjinhâlde en it har ek net kwea-ôf nimme. | |
17.Doe't hja dy jûns mei Dieuwke de boel oppakke soe om op bêd te gean, stie Jelle samar ynienen foar de doar. Der wiene troch de oarlochsdriging safolle meiwurkers en learlingen fan Daleroze syn muzykynstitút ôfset nei har eigen lân, dat de skoalle yn Hellerau sletten wie. Jelle hie him soargen makke oer de tastân yn Nederlân en wie sa gau as er syn saken regele hie op reis gien. Hy hie him deroer fernuvere, dat der oan de Dútsk-Nederlânske grins noch gjin sprake fan ferhege paraatheid west hie. De soldaten hiene de Dútske trein, dêr't er mei reizge hie, amper kontroleard. Hawar, hy wie bliid feilich en wol yn Haarlim oankommen te wêzen, hie Mem noch wat iten yn 'e hûs, miskien? En hoe wie it mei syn lytse omkesizzer?
Yn de dagen dêrnei like it, as hie Jelle altyd al by har en Dieuwke ynwenne. Hy holp yn de húshâlding, boarte mei Hans en besocht syn suster by te stean yn it regeljen fan de skieding. It wie wer sa gesellich mei him derby, dat it har slim muoide doe't er it beslút naam him as frijwilliger te melden. Wat er yn Dútslân sjoen hie oan fanatyk militarisme, oarlochstarissing en bewapening hie him bang makke, sei Jelle. Hy wie der net gerêst op: de neutraliteit fan Nederlân koe ek wolris faai komme te stean! Hy reizge nei De Haach om mei syn heit de tastân te bepraten en him te sizzen, dat er, as der in ynfal kaam, net fansiden stean bliuwe woe. | |
[pagina 255]
| |
Piter hie dat doe better begrepen as de legerlieding, dy't Jelle wol oannaam, mar it mar heal leauwe woe, dat in Troelstra dy't tsjinst nimme woe, gjin it gesach ûndermynjende bedoelings hie. Doe't nei in pear moanne bliken die, dat Nederlân dochs net yn de oarloch behelle wurde soe, waarden de soldaten dy't mist wurde koene, wer nei hûs ta stjoerd. De frijwilligers yn de kazerne yn De Haach as earsten en sa wie Jelle gelokkich al gau wer thúskommen.
Yn septimber 1914 wie de skieding tusken Dieuwke en Anton útsprutsen en doe't der definityf in tiidrek yn har libben ôfsletten wie, hie har dochter nei mooglikheden socht om in nij begjin te meitsjen. Hja fûn wurk yn Amsterdam en ferhuze yn jannewaris 1915. Lytse Hans hie se slim mist yn it begjin, mar hja wist, dat it sa better wie.
Doe't Jelle ôfswaaid wie, kaam de fraach oan 'e oarder, wat hy no fierder soe. It like der net op, dat Dalcroze him wer yn tsjinst nimme kinne soe. De tiid wie der net nei om sokke ynternasjonale keunstynstituten yn stân te hâlden. De minsken hiene wol wat oars oan 'e holle! Yn ôfwachting fan berjocht út Dútslân wie er wer begûn te tekenjen, sa't er destiids yn syn h.b.s-jierren al graach dien hie. Earst foar Hans om de ferhaaltsjes, dy't hja it jonkje fertelde te yllustrearjen, mar doe't Dieuwke en har jonkje ferfearn wiene, wie er serieuzer oan it wurk gien mei sketsen en stúdzjes. Hja hie fersteld stien fan de foarderingen dy't er makke en it fernuvere har dan ek net, doe't er him yn de rin fan de simmer útspriek oer syn ferlangst om tekenen skilderlessen te nimmen, omdat er sels net fierder mear kaam en dochs fielde - en winliken waard dat gefoel hyltyd sterker - dat er dochs mear talint hie foar de skilderkeunst as foar de muzyk. Hja hiene syn plannen tegearre lang en breed bepraat. Anton syn mislearjen lei har noch farsk yn it ûnthâld, mar Jelle seach net tsjin it ûnwisse bestean fan in keunstner op. Hy koe foar himsels mei in bytsje ta en de bestimming fan de minske lei der dochs yn dy dingen te dwaan, dêr't men it talint foar krige hie. It foarbyld fan Hugo en Willem van Schaik, de skilderjende bruorren út Beetstersweach, dy't yn Jelle syn jongesjierren by Muoike | |
[pagina 256]
| |
Jette yn De Haach yn pensjon west hiene, stie him noch altyd foar eagen, sei er. Wat hie er dy beide mannen bewûndere, doe't hja ien fan Mem har earste berneboeken, dat oer it eskimobern Koedlago, yllustrearre hiene. Foar in keunstakademy fielde Jelle him al te âld en fan skoalske systemen hie er ek sa'n wearze skipe, dat er leaver privee yn 'e lear woe by in skilder. Hy wie nei musea en galeryen reizge, hie praat mei minsken út de keunstwrâld en lang om let wie it him slagge en fyn yn Laren in skilder, dy't him wol as learling oannimme woe. Nei de simmer koe er komme. |
|