De oare helte
(1997)–Tineke J. Steenmeijer-Wielenga– Auteursrechtelijk beschermdNynke fan Hichtum, de frou fan Piter Jelles
[pagina 180]
| |
1.Sels dat Haarlimske hûs wie har op 'en doer wol wer wat eigener wurden. Piter wie nei in moanne bliid, mar suterich en opfallend stikem út de finzenis thús kommen. Tegearre hiene hja dêrnei in reiske makke nei it Ahrdal. Doe't har dêr de tynge fan it ferstjerren fan Wilhelm Liebknecht berikt hie, wiene se nei Berlyn gien om de begraffenis by te wenjen. Liebknecht hie foar Piter altyd in foarbyld west. Wat hiene se beide grutsk west, doe't dy wichtige figuer út de Dútske partij nei in lêzing foar studinten yn Utert wol by harren útfanhûzje wollen hie mei syn soan. Yn Berlyn wie hja doe einlings sels ek yn 'e kunde kommen mei in tal minsken út de sosjalistyske ynternasjonale. Karl en Luise Kautsky hiene har letter ek wolris opsocht en Luise wie har hyltyd mear ta in echte freondinne wurden.
Yn jannewarismoanne fan 1901 teach Piter nei it noarden foar in lange, kâlde propagandatocht dy't him ek wer yn Tytsjerksteradiel brocht, it distrikt, dat him yn 1897 oan it lidmaatskip fan de Keamer holpen hie. By de nije ferkiezings die lykwols bliken, dat syn finzenskip him net populêrder makke hie yn it heitelân. Tsjin de sterke anti-revolusjonêre kandidaat, ds. Talma, moast er it yn syn eigen distrikt ôflizze en ek yn Frjentsjer helle er krekt gjin mearderheid foar de partij. It âlde fjoer like dwêst te wêzen. Hy hie net mear deselde oertsjûgingskrêft as yn syn begjintiid. De teloarstelling om it mislearjen fan syn aksje foar de Hogerhuizen, dy moanne yn de sel en syn dûbelde taak as Keamerlid èn haadredakteur hiene him ôfmêde. It joech him in knoei, dat er bûtenspul kaam te stean.
Troch de ferkiezingsnederlaach koe Piter doe ynienen folle mear thús wêze as ornaris. Dat kaam oan ien kant wol goed út, want hjasels krige it yn dy snuorje hyltyd drokker, mei't hja it redakteurskip fan de Volkskinderbibliotheek fan Nellie van Kol oerkrige hie. En hja siet ek wer fol plannen foar har eigen skriuwerij. Sa't hja by | |
[pagina 181]
| |
Liebknecht syn begraffenis ôfpraat hiene, hie se yn dy snuorje besocht om yn 'e mande mei Karl Kautsky in ynternasjonaal bernetydskrift op te setten. Hja soe ek te set mei in rige boeken dêr't - sa't Kautsky earder alris útsteld hie - út in sosjaal-demokratyske fisy wei de wrâldskiednis yn ferteld waard fan de âldheid ôf, mar earst woe se noch yn nije ferhalen út frjemde lannen de skiednis fan de minsklike geast werjaan, lykas hja dat dien hie yn har eskimo- en kafferhistoarjes. Mei dat doel begûn se alles wat hja oer Australië en syn oarspronklike bewenners benei komme koe te lêzen. Ien fan de dingen dy't Piter mei alle wille fan har oernimme woe, wie it deistige foarlêzen fan de bern. Hy brocht Dieuwke en Jelle, lykas Heit it har eartiids dien hie, yn de kunde mei de moaiste stikken fan Shakespeare, de ferhalen fan Dickens en sels mei de klassiken út syn gymnasiumtiid. Wikenlang reizge er jûn út jûn yn mei de bern Odysseus efternei mei syn âlde Homerus en de histoaryske atlas fan de âldheid der iepen by op 'e tafel.
Yn 1902 socht Piter op fersyk fan syn heit syn sike broer yn Arco op. Doe't Durk him drige te ûntfallen, frege Heit, dy't noch altyd direkteur fan de Neerlandia wie, fannijs oan syn âldste soan, hoe't dat skielk komme moast mei syn fersekeringsmaatskippij, as hysels de holle dellizze moast. Hy wie doe omtrint santich jier en hie gjin rêst, salang't de opfolging net regele wie. De Neerlandia wie syn libbenswurk. Yn 1881 hie er de fersekeringsmaatskippij opset mei in tal fertroude Ljouwerter freonen, no wie it in bloeiend bedriuw mei in fiks kapitaal derûnder. Piter wie fan betinken, dat er yn syn altyd wiffe politike bestean om wille fan har en harren opgroeiende bern de kâns op in fêst ynkommen net sûnder mear ôfwize koe. Dat hy sei ta yn gefal fan need syn heit opfolgje te sillen as de kommissarissen ynskikke koene, dat er syn libbensideaal net ferleagenje soe om wille fan de Neerlandia. Heit koe dat binlikje en soarge der foar, dat de kommissarissen dermei ynstimden dat it kantoar nei De Haach oerbrocht wurde soe nei syn dea en dat der in regeling kaam om har yn dat gefal te ferfangen troch kunde fan de nije direkteur. Piter wie der tige mei ynnommen, dat Heit him sa'n ein yn 'e mjitte komme woe. It radikaalste wie der by beide ôf. | |
[pagina 182]
| |
By syn besite oan Durk moast Piter ta syn grut fertriet fêststelle, dat syn broer noch slimmer siik wie, as Heit al eange hie. Doe't er ôfskie nimme moast, hie er sterk it gefoel, dat er Durk net libben wersjen soe. Syn fersen hie er meinommen om te besykjen dêr yn Hollân in útjouwer foar te finen. Yn de maitiid fan 1902 joech Durk him mei frou en bern en mei syn jongste suster Rike, dy't ferpleechster wurden wie, op reis nei it heitelân. De llde maaie krige Piter noch in tillegram mei de meidieling, dat syn broer yn Arnhim út 'e trein helle wie en nei in sikehûs oerbrocht, omdat it net ferantwurde wie him noch fierder reizgje te litten. Piter wie der wol wis fan, dat syn broer net Arnhim bedoeld hie, doe't er as syn lêste winsk utere hie stjerre te meien yn it heitelân, mar der wie gjin kar mear. Durk wie dêr yn Gelderlân de oare moarns stoarn, op 'e dei ôf 31 jier nei syn mem. Piter moast syn heit berjocht dwaan, dat de Arnhimske ôfdieling fan de S.D.A.P. oanbean hie de begraffenis te regeljen. It waard in swier stik foar Heit om syn jongste soan nei syn lêste rêstplak te begelieden en oan it grêf op it begraafplak mei de namme ‘Moscowa’ dy minsken te betankjen. Hy wie der fêst fan oertsjûge, dat Durk noch yn libben west hie, as er mar gjin sosjalist wurden wie. Durk syn widdo en harren iennichst bern, in famke fan noch mar ien jier dat neamd wie nei Beppe Grytsje, giene ynearsten mei Heit Troelstra mei nei Ljouwert werom. Hy stelde Sylvie by steat om in oplieding ta húshâldlearares te folgjen, sadat hja letter wer in selsstannich bestean opbouwe koe. | |
2.It wie frjemd om nei al dy drokke jierren dat hja gauris mear njonken elkoar as mei elkoar libbe hiene, Piter ynienen safolle by hûs te hawwen, doe't er sa ûnferwachts gjin lid mear wie fan it Parlemint. De bern genoaten tige fan dy foar har ûngewoane situaasje, mar sels koe se mar min wenne oan it oare ritme. It wie in toer om tiid en rêst te finen foar har eigen wurk. It duorre gâns in skoft ear't Piter goed útrêst wie fan alle drokten en spanningen fan de foarôfgeande jierren, mar doe't er wer wat bekommen wie fan de emoasjes en de teloarstelling, waard de âlde | |
[pagina 183]
| |
kriich wer yn him wekker en doe wie it hûs him al gau te lyts. Hy woe weromfjochtsje en eltse kâns dy't him foardie, oangripe om syn plak yn De Haach wer ynnimme te kinnen. De polityk lieder fan de sosjaal-demokratyske arbeiderspartij hearde syn wurk yn de Twadde Keamer dwaan te kinnen! Wat er dêrbûten út 'e wei sette koe, wie mar krommelwurk, hy moast de hertslach fan it politike libben fiele. De earste kear, dat der in plak fakant kaam, rêde er it net op, mar yn de rin fan 1902 wiene der tuskentiidske ferkiezingen yn it Amsterdamske distrikt III, in wenwyk mei in protte diamantbewurkers, dy't har al ier goed organisearre hiene. Dat dy lju sa entûsjast kampanje foar him fierden, die Piter deugd. Doe't er wûn, wie it foar it earst, dat der út ien fan de grutte stêden wei in sosjaal-demokraat nei De Haach ôffurdige waard.
It wiene fannijs roerige jierren yn de polityk, dy earste fan de nije ieu. Piter hie der klauwen oan om de ienheid yn syn eigen partij te bewarjen. Dat er der in skoft by wei west hie, makke syn blik skerper en hy seach dat der yn de fraksje dingen barden dy't him net noasken. Hja, dy't syn suksessen en triomfen meast op ôfstân meibelibbe, ûndergie syn argewaasje en syn teloarstellingen altyd as wiene it har eigen. Piter wie ek net fan izer en stiel! Hy wie in emosjoneel man, net ien dy't dat better wist as hja. As alles en elkenien tsjin him gear like te spannen, fernamen se dat thús. As hja it sokke tiden weage te freegjen, wat der wie, die er koart en wrantelich en de bern koene dan net by him terjochte mei har ferhalen. Hja seach, hoe't it oan him friet, as er it gefoel krige tsjinwurke te wurden of as syn oprjochtens yn 'e kiif steld waard. By in protestmeeting yn 1903 skipe Piter kjeld en bedarre er - te siik om noch nei hûs ta reizgje te kinnen - yn Aerdenhout by syn sekretaris Simon Maas mei bronchitis op bêd. Lykwols reizge er twa dagen letter al wer nei De Haach ta. Hy woe doe perfoarst nei de Keamer, omdat er noch besykje woe in fermoedsoening ta stân te bringen tusken de arbeiders en de wurkjouwers. Hy seach wol oankommen, dat der fan stakings op dat stuit allinne mar ellinde komme koe. Hoewol't er noch warskôge hie foar de gefolgen, dindere de massa troch en wie in ramp net mear te kearen. En de fraksjelie- | |
[pagina 184]
| |
der fan de sosjalisten yn de Keamer krige efternei al it lijen op 'e skuld. Lykas sa faak wie Troelstra it lilke bist. Dei út dei yn kamen der by de krante en by har thús brieven mei ferwinskingen en bedrigingen fan de slimste soarte. Hja achte dat sa ûnbinlik, dat hja in brief oan it partijbestjoer skreau, dêr't hja de kammeraten it ferwyt yn makke, dat hja har lieder yn 'e steek litten hiene op in momint, dat it der krekt op oankaam as ien man efter him te stean. Doe't it bestjoer by Piter kommen wie om tekst en útlis, waard er poerrazend. Hja hie har net mei syn saken te bemuoien, wat tocht hja wol! Hy koe himsels wol rêde. Hy lies har it leksum as wie se gjin turf heech, mar syn wurden smoarden yn in hevich hoastjen, dêr't er hast yn bleaun wie! Hja seach bloed yn syn bûsdoek en it skrikbyld fan de tarring wie wer libbensgrut foar har opriisd. Piter soe om syn sûnens tinke moatte. As hy ûnder fuotten rekke en miskien foar langere tiid kuere moatte soe, hoe soene hja har dan rêde moatte? De partij soe har net ûnderhâlde. De solidariteit dy't de sosjalisten altyd sa heech yn it findel hiene, hie se sa njonkenlytsen op in pypfol! Njonken in hiel soad moaie dingen belibbe men yn de Beweging ek gâns, dêr't gefoelens fan argewaasje, teloarstelling en fertriet mei mank wiene.
Ien mei oar wie it har doe fannijs te machtich wurden. Hja krige it slim yn 'e rêch, hie wer lêst fan it hert en oft dat allegear noch net slim genôch wie, koe se op in stuit ek hast net iens mear skriuwe troch rimmetyk yn 'e hannen. Hiele dagen lei se op bêd, te stiif om har te ferwegen. Hja gûlde om alles. Fan de pine as Piter besocht om har oerein te helpen en wat iten te fuorjen, mar ek út ûnmacht as hja allinne boppe lei en hearde, dat de bern spul hiene oer wa't boadskipje moast of ôfwaskje. Hja skriemde fan ellinde, mar likegoed as immen soarch-sum of leaf foar har wie. Hja wie wer sa weak as in tredde-deis kreamfrou. De soarch om Piter doe't er sitte moatten hie, syn ferlies by de ferkiezings yn Fryslân, it ferstjerren fan Durk, de katastrofale ôfrin fan de stakings, alles mei-inoar hie it fierstente folle west foar har senuwen. Hja wie op 'e nij folslein út it lykwicht rekke. | |
[pagina 185]
| |
Op in middei wie de húsdokter by har, doe't Piter tafallich ek krekt even thús kaam. Dat trof moai, sei dokter, omdat er der al in skoftke mei omrûn, dat er ris earnstich mei har beiden prate moast. Sa't de tastân wie, sa koe it eins net langer. De pasjinte krige har rêst net en de bern hiene ek te lijen ûnder de spannings. Spitigernôch seach er gjin oare oplossing as in drastyske feroaring yn harren húslike omstannichheden. Allinne as hja har folslein ûntspanne koe, soe hja kâns hawwe om wer better te wurden. Hy begriep wol, dat sa'n beslút har swier falle soe, mar hja moasten der dochs ris oer neitinke oft it net mooglik wie en pleats Dieuwke en Jelle in skoftke út 'e hûs. Miskien hoegde it net iens sa lang te duorjen, mar hja hie no perfoarst in wykmannich, faaks in pear moanne, absolute rêst nedich. Oars moast er har opnimme litte en dat soe foar de bern likegoed tige yngripend wêze. Wie der gjin famylje dy't de soarch tydlings oernimme koe, of koene de bern faaks nei in ynternaat? Sa lyts wiene se dochs ek net mear! Hy hie syn hoed opset en sein, dat hja der mar ris goed oer neitinke moasten. Der moast feroaring komme, hoe dan ek. Dat wie in swier stik, mar hja fielde har sa swak, dat hja wol om lyk woe en de dokter seach dat wol goed: sa'n rezjym fan rêst, rêst en nochris rêst, dêr mochten hja sokke opgroeiende bern net ûnder lije litte. | |
3.It hie doe gâns tiid en striid koste om foar allegearre in passende oplossing te finen. Dieuwke wie op har tolfde nei de middelbere skoalle fan de Bloemendaalsche Schoolvereeniging rekke, dy't ûnder lieding stie fan partijgenoat Mannoury. Hja achten dat in goed en modern ûnderwiisynstitút en woene graach, dat it famke dêr bleau. Doe't hja ek mei Piter syn sekretaris oer de problemen praat hiene, wie Simon spontaan mei it oanbod kommen, dat Dieuwke dan wol in skoftke by him en syn frou Juut yn 'e hûs komme mocht. Hja wiene koart tefoaren - mei har trouwen - ek yn de Frans Halsstrjitte kommen te wenjen, sadat der foar it famke dan net folle hoegde te feroarjen. Hja bleau by har freondinnen yn de buert en koe ek har sjonglessen oanhâlde. Foar Dieuwke like dat in útkomst. | |
[pagina 186]
| |
Mar no Jelle. Wat soe foar him it bêste wêze? It wie sa'n leave rêstige jonge, koene hja him net thús hâlde? Piter fersette him fûl tsjin dat idee fan har. It wie net earlik foar harren âldste oer, hjasels soe noch har rêst net hawwe en syn soan soe noch mear Memme jonkje wurde, as er al wie. It like hurd, mar him tocht, dat it krekt de jonge goed dwaan soe, as er no op eigen skonken gean learde. Hie hja it net wolris hân oer in nij soarte fan kost-skoalle yn Dútslân? Ja, in jier of wat lyn hie se yndie yn ien fan de tydskriften dêr't hja doe foar wurke, in artikel lêzen oer de pedagogyske opfettings fan in Dr. Lietz. Dy soe yn syn kostskoalle de grutst mooglike frijheid foar de pupillen keppelje oan it bybringen fan gefoel foar de mienskip en dat yn in fermidden, dat ynternasjonaal oriïntearre wie. Boppedat wie syn ynstitút yn in moaie krite fêstige, dat de learlingen koene ek folop fan de natoer en it bûtenlibben genietsje. Yn School en Leven hie se doedestiids sels noch yn in rige artikels útlein, wêrom't de skoalle fan dy Lietz har sa ideaal talike. It soe in foarrjocht wêze om yn sa'n fermidden te studearjen! Hja hie der doe fansels noch gjin aan fan hân, dat soks ek opgean koe foar har eigen soan! Mei Luise Kautsky, dy't yn febrewaris 1902 by harren west hie, hie se noch wiidweidich oer de bern peteare. Hja hiene it doe tige iens west: in kostskoalle koe nea de mem ferfange, hoe treflik it pedagogyske systeem dêr ek wêze mocht. Mar as it net koe, sa't it moast, dan moast it mar, sa't it koe. Dat wie har thús al bybrocht en it libben hie har wol leard, dat hja mei opsternaat wurden net in stap fierder kaam. Mei in bliedend hert frege se ynformaasje oan. De brosjuere befêstige gelokkich har yndruk, dat dy Lietz in man mei sûne ideeën wie, mar it hie der likegoed noch swier ynhongen, oft hja Jelle wol nei sa'n ‘Landerziehungsheim’ stjoere koene. It kursusjild liigde der net om en de jonge soe ek rêding mei hawwe moatte. Hja hie doe fûleindich ûnderhannele mei Van Dishoeck om har in fêste oanstelling as redaktrise foar berneliteratuer te jaan, mar dat hie se net opret. Efternei ek wol te begripen fansels, troch al har siik-wêzen hie se har yn de tiid dêrfoar ek lang net altyd oan har ôfspraken mei dy útjouwer hâlde kinnen. Nei syn ôfwizing hie se earnstich mei Piter oan it siferjen west en | |
[pagina 187]
| |
úteinlik kamen hja ta it beslút, dat it dochs mar oangean moast. Hja hie op oanstean fan har freon Ligthart foar Afke's Tiental in knap honorarium betongen by Wolters, hja wurke geregeld mei oan School en Leven en oan Het Kind, der wiene noch in tal bondeltsjes mei sketskes ûnderweis en as hja wer wat oansterke wie, soe se út en troch ek wolris wer in oersetopdracht krije fan Van Dishoeck. Dàt hie er alteast dan noch al tasizze wollen. As hja it no sels mei har beiden och sa sunichoan diene, soe it miskien allegearre krekt kinne. Yn 1903 ferhuzen se sadwaande nei Skeveningen, dêr't hja har tegearre sa komfortabel mooglik ynstallearden op in pear ienfâldige keamers by partijgenoaten. De romte dy't hja as húskeamer ta har foldwaan krigen, hie in balkon dat yn 'e lijte lei. As it in bytsje mylder waard, soe se moai bûtendoar lizze kinne en om de húshâlding en de bern hoegde hja har foarearst gjin soargen mear te meitsjen. Moedich wie Jelle mei Peaske de reis nei Dútslân oangien; Piter hie him sels fuortbrocht. It hie har slim oandeard doe't hja har manlju nei it stasjon ta stappen seach. Piter droech de grutte koffer en Jelle hie sels in rêchsek mei wat ditten en datten dêr't er ûnderweis ferlet fan hawwe koe. Wat iten en drinken, tekenpapier, in boek... ien mei oar wie it noch in hiel frachtsje wurden. Hy rûn der suver in bytsje rûngear fan en syn smelle skouders hold er heech oplutsen yn de nije jekker. Och, wat wie in jonge fan tolve jier no hielendal? In bern, dat syn mem noch alle dagen nedich hie. Mistreastich hie se har bêd opsocht om te rêsten, mar fierstente opstannich omdat har lichem it sa ôfwitte liet, koe se har dy middei net deljaan. No hie se it leafste dat hja hie, de doar útstjoerd! | |
4.Wylst hja op Skeveningen wennen, wie Afke's Tiental útkommen. ‘Dêr hast de pop,’ sei Piter, doe't er op in moarn de post oankrige hie, ‘in pakket fan Wolters foar Mefrou. Dat sil dyn boek wêze.’ Hastich rûn er troch nei syn eigen wurkhoeke yn de sliepkeamer mei in hânfol kranten en brieven. Hja wie slim benijd. Senuweftich pluze se mei har stive fingers it toutsje los. Doe't hja in boek út it papier helle hie, wie hja der even | |
[pagina 188]
| |
hielendal stil fan wurden. Mear noch as by har eardere boeken, wie it har echt as hold se in bern yn 'e hannen, sa'n grutte bliidskip streamde der troch har hinne. Hja beseach har Afke oan alle kanten, rûkte deroan, en streake it bantsje leafdefol. Doe sloech se it iepen en begûn te blêdzjen. Moai..., moai wie it wurden! Jetses syn tekeningen wiene prachtich! It hie de muoite wurdich west op him te wachtsjen. Hy hie each foar it bysûndere fan it gewoane libben. Better as hokker Hollânske tekener kinnen hie, hie dizze Grinslanner fan ienfâldich komôf it Fryske karakter fan har ferhaal begrepen. Jetses hie de ôfrûne twa simmers yn syn fakânsje nei Reduzum ta west om it ynterieur fan in arbeidershûs te tekenjen en om minsken te sketsen. Net nei Wergea. Hja woe net, dat Harmke-en-dy lestich fallen waarden. Noch altyd fielde se har wat skruten foar har personaazjes oer. Dêr wie lytse Piter, dy't foar mem oan it kachelpoetsen wie. Miskien hie Jetses it noch wat te moai makke, de earmoed wat fergulde, mar de suvere waarmte fan it libben by Marten en Afke yn 'e hûs streamde jin út al syn tekeningen temjitte. Doe't hja oan it lêzen rekke, joegen har eigen wurden har in skok. Libbensliif stiene Hiltsje en Harmke ynienen wer foar har en ek har eigen emoasjes riisden ûnferhoeds en kwetsber út de bledsiden op. Hja waard der kjel fan. Wat hie se dien? Wie it net te persoanlik, te dierber om it priis te jaan? Bliid en bang tagelyk hie se har field. Hja die it boek ticht en mei in tear gebeart lei se de hân tsjin de efterkant oan. Even moast se it tsjin har oantriuwe, mar doe hie se har al wer skamme foar har sentimintelens. Gau krige se in twadde eksimplaar út it pak en gie by de tafel sitten te skriuwen. Alderearst soe se in boek oan Hiltsje de Vries stjoere mei in persoanlike opdracht: ‘Voor onze trouwe Hiltsje.’ En de bern, dy moasten ek elk ien hawwe. Dieuwke koe se it wol jaan, as hja in sneinoer kaam, mar Jelle wie sa aaklik fier fuort, dêr alhiel yn de Harz. Krekt no miste se him ôfgryslik. Har soan libbe altyd sa mei har mei yn har skriuwerij. Wat soe se graach wolle, dat se dit momint mei him diele koe. Hy soe har holpen hawwe it pak iepen te meitsjen en no grif noch blider wêze as hjasels en grutsk, omdat syn mem sa'n echt boek makke hie. Dochs hie de rol fan de skriuwster yn dit gefal net sa belangryk west, betocht se. De Fryske mem, dy't har troch har foarbyld ynspi- | |
[pagina 189]
| |
rearre hie en de leafde foar har eigen bern, dy hiene har pinne stjoerd. Dat woe se Jelle meifiele litte. Mar hoe it te sizzen? ‘Voor Jelle,’ skreau se, mar doe hie se earst in bûsdoek krije moatten, omdat der in trien op dat fierder noch lege blêd drige te fallen. O, wat miste se de jonge! Mar kom, hja moast flink wêze, der wie genôch om tankber foar te wêzen. De skieding fan de bern wie mar tydlik. Hja knapte dochs ek al wer wat op? Hja koe soms al wer in hoartsje skriuwe sûnder al te folle pine yn 'e fingers. ‘In dit boekje vol moederliefde,’ - hja moast alwer noassnute - ‘heb ik getracht mijn eigen liefde voor mijn tweetal uit te drukken.’ Sa, dat stie der. Soe Jelle it begripe? Hja soe wol nei him tafleane wolle om it sels tsjin him te sizzen, dat hja sa wiis mei him wie en it sa slim fûn, dat er no safier fuort wie. Ut har wurden moast er dy leafde fiele kinne. ‘Moge die je warm en koesterend toestromen, als je daar in het vreemde land deze bladzijden leest. Je trouwe moeder “N. van Hichtum”.’ Wylst hja de pinne opburch, tocht se, dat in oar sa'n opdracht faaks wol wat oergefoelich fine soe, mar har soan soe it wol begripe. Hja waard suver wer muoilik, mar fermanne har en rûn mei in boek yn 'e hân nei Piter ta.
Letter hie bliken dien, dat har noed om Afke's Tiental alhiel net nedich west hie. It boek krige eins allinne mar goede resinsjes. Sawol yn de eigen blêden as ek yn de boargerlike parse wiene de kritisy fol lof. Hja krige alle dagen brieven fan minsken rûnom wei, dy't har fertelden, dat se it boek yn ien sike útlêzen hiene en dat hja troch it ferhaal oer Afke en har soargen no earst rjocht foar it ferstân hiene, wat har eigen mem út 'e wei sette moatten hie om de húshâlding troch de tiid te krijen.
Soks makke har bliid. Dat wie no krekt wat se altyd wollen hie. Hja skreau foar bern, mar âlderen moasten der ek wat oan hawwe.
Op in dei kaam Piter thús fan it Binnenhof mei it boadskip, dat er de kompliminten oerbringe moast fan Keamerfoarsitter Mackay en fan de liberale hear Mees. Hja hiene him lokwinske mei it sukses fan syn frou. ‘Sjoukje, hoe krijsto dat dochs foarinoar?’ frege er laitsjend. ‘Ik reizgje it hiele lân troch, ik skreau foarhinne omtrint alle dagen yn | |
[pagina 190]
| |
ús krante, ik hâld sprekbeurt nei sprekbeurt en myn dwaan ropt ûnbedoeld noch altiten in soad wjeraksel op. En do sitst mar gewoan thús wat op te kwatteljen, fertelst foar de fûst wei wat ferhaaltsjes oer it libben fan eartiids, allegear oer deagewoane dingen en de lju binne út 'e skroeven. Freon en fijân komplimintearje dy en wat mear seit, de arbeiders klimme yn de pinne om dy te betankjen. Ik kin hjir net by, hear!’ Piter die och sa fleurich, mar hja hearde oan syn toan wol, dat dat net alhiel fan herten gie. Gunde er har it sukses net? Syn dichterskip hie er opjûn, omdat it wurk foar de Beweging de hiele man ferge en sûnt er syn ûntslach nommen hie as haadredakteur fan Het Volk, miste er elts kontakt mei de lêzers. Soe er sels wer skriuwe wolle? Hy hie it der wolris oer, dat er nochris mei in toanielstik te set woe. Faaks mealde dat him yn 'e holle om. Hja moast har opteinens om de moaie kritiken tenei mar wat bedimje. | |
5.Hoewol't hja it net rom hiene, libben se dêr op Skeveningen oars earst wol yn reedlike harmony. Beide ûndergiene se de ôfwêzigens fan de bern as in swier gemis, mar de rêst wurke woldiedich. Stadichoan kaam se wer wat op 'e kluten. De lêste jierren hie se altyd de oandacht ferdiele moatten tusken har man, it wurk en de bern. It hie har faak it gefoel jûn, dat hja útinoar lutsen waard en stridige belangen tsjinje moast. No wie Piter wer nûmer ien en se koe wol fernimme, dat dat him noflik wie. Mar hja libben doe ek al byinoar lâns. Doe't hja sa opinoar oanwiisd wiene, waard dat har pynlik dúdlik. Hja genoat fan de brieven fan Jelle. Dy joegen har it gefoel, dat hja har soan noch neier kaam, no't de lytse kribbekeurichheden fan aldendei oan har foarby giene. Jelle wie in gefoelige jonge, mar in Fries. Hy ferbiet syn teloarstellingen en utere him net maklik. It hie har oandeard, dat de bern de lêste tiid yn Haarlim altyd rekken mei har hâlde moatten hiene. Yn Utert hie hja wend west de lytskes rêstich te hâlden om Piter te sparjen, mar letter hie Piter faak warskôgje moatten, dat de bern om harren sike mem tinke moasten. Hy hie dat net altyd mei likefolle takt dien en hja hie wol field, dat | |
[pagina 191]
| |
benammen Jelle wrokje en stúmje koe, as Heit wer ris tsjin him útfallen wie. De jonge wie wiis mei har en hie wis wol rekken hâlde wollen mei har pineholle, mar it wie in jonge en hy fergeat wolris dat er de skuon útdwaan moast op 'e treppen as er nei boppen ta draafde en dat er yn 'e tún ûnder it sliepkeamersrút net fluitsje mocht. Och, wat soe it ek; Piter syn driftige útfallen hiene har mear hindere as it sûne leven fan de bern. Withoefaak wie hja jûns let noch eefkes nei harren keammerkes gien om begryp foar Heit te freegjen en it út te praten. Hja mochten net mei lilke hollen de nacht yngean. Dieuwke hie har meastentiids ôfdraaid. ‘Ik wol no sliepe, Mem,’ mar mei Jelle hie se skoftenlang praat op 'e râne fan it bêd. Dy petearen miste se, doe't er nei kostskoalle gien wie, mar syn brieven makken in soad goed. Piter lies se flechtich. Hy fûn it mar nuver, dat in jonge fan Jelle syn jierren oer alles wat him dwaande hold by syn mem te bycht gie. Hy soe no mei syn maten prate moatte, as jonges ûnderinoar. Sokke opmerkings hie hja har net begripe kinnen. Wie er jaloersk op syn eigen soan? Piter, dy't syn mem sa mist hie en jierrenlang lit hie ûnder de minne ferhâlding mei syn heit? Dan akkordearre it tusken him en Dieuwke gâns better. Frjemd wie dat, dat de soan nei de mem luts en oarsom de dochter it better mei har heit fine koe. Piter mocht graach wat mei syn famke pronkje. Hy naam har wolris mei nei gearkomsten en kongressen en genoat der dan fan sa'n kreas jongfaam as syn dochter foarstelle te kinnen. ‘Die kleine Walküre’ hie Rosa Luxemburg har neamd, doe't hja Piter en Dieuwke sa ris troffen hie by it Amsterdamske kongres fan 1904. Wat hie Piter grutsk west, doe't er har dat fertelde. En it famke sels net minder. | |
6.Op Skeveningen wennen se ek wer tichteby har âlden en lykas altyd hiene Heit en Mem tige meilibbe. Doe't hja noch it grutste part fan 'e tiid lizze moast, hie Heit geregeldwei middeis mei de krante by har sitten. Dan lies er stil foar himsels it nijs en as er wat tsjinkaam, dat har ynteressearje soe, fertelde er dêroer. Doe't hja wer wat oan- | |
[pagina 192]
| |
sterke wie, helle er har alle dagen op om te kuierjen. Hja rûnen earst op it moaist fan 'e dei ris foarsichtich in blokje om, mar letter wiene it hiele tochten wurden troch de dunen en by de see lâns. Hja fernaam lykwols hyltyd faker, dat Heit no dochs wol echt âld waard. As hja oan 'e ein fan sa'n kuier op it terraske fan in strântinte in kopke tee dronken hiene, koe er soms hast net wer oerein komme út de reiden stoel en slim krebintich klom er dan by de treppen op, himsels trime foar trime ophisend oan de leuning. Heit klage nea, mar de krêften minderen sichtber. As hja boppe wiene, hime er der oer.
Doe't de simmer foarby wie, koe er net mear by har komme, mar hie hja alle dagen even by him sjoen. Tegearre te kuierjen gean wie doe gjin tinken mear oan! Mem wie al bliid, as er fan syn stoel by it finster nei de tafel rinne koe om te iten. Hoewol't er yn in pear wike tiid ta in siik âldman ôftakke dy't mei alles holpen wurde moast, wie Heit oan 'e ein ta himsels bleaun: meilibjend, myld en fol noed om syn neisten. Doe't er yn jannewaris 1904 weirekke, wie er 87 jier âld.
Mem ferfear in moanne of wat letter nei it grutte hûs, ek oan de Kanaalwei, dêr't Jette jierrenlang pensjon yn holden hie. Hja oerlibbe Heit mar ien jier. It ferstjerren fan har mem hie har ôfgryslik oangrypt, mear noch as dat fan Heit, wylst hja mei him dochs altyd in folle sterkere bân hân hie. Heit syn libben hie ôf west foar har gefoel. Doe't er ynienen sa hurd ôftakke en hy himsels - folslein fermoedsoene mei de wankjende ein - ree makke op it ôfskie fan syn neisten, hie se dat ûndergien as in natuerlik proses. Hja hie him yn it earstoan fansels slim mist, mar yn dat fertriet hie se gjin momint har rie tenein west. Mar Memme dea wie har ferskriklik oer it mad kommen. Hja hie it net oankommen sjoen. Omdat Mem omtrint alve jier jonger wie as Heit, hie hja der nea by stil stien, dat hja har man sa gau efternei reizgje kinne soe yn de dea. Folle letter earst hie se begrepen, dat Mem, doe't hja allinne fierder moast, alhiel gjin libbensmoed mear hân hie. En doe't hja dat ynsjoen hie, wie it har ek ynienen dúdlik wurden, hoe hecht de bân tusken har âlden altyd west hie, harren hiele houlikslibben lang. Hoe't Heit syn frou, dy't net sterk fan kon- | |
[pagina 193]
| |
stitúsje wie, altyd stipe hie en har dêrmei op fuotten hâlde kinnen hie. Hoe't Mem mei har sterke geast dêrfoaroer har man noch lang jong en fearkrêftich hâlden hie. Hja wiene yn de rin fan de jierren in echte twa-ienheid wurden: de iene koe net sûnder de oare. Foar it earst hie se doe ta har trochkringe litten, dat dat it wie, dat hja yn har eigen houlik miste. Wûnderlik skerp seach se ynienen, wat der skeangroeid wie tusken Piter en har. Hja fersterken inoar net mear. De fêste wil om der tegearre wat goeds fan te meitsjen wie súntsjesoan weiwurden. Der wie in kleau tusken har ûntstien dy't stadichoan wider gappe. Unbedoeld makken hja inoar it libben swierder as nedich wie, trochdat elk fan beide yn de hege ferwachting dy't er fan de oar hân hie, teloarsteld wie. Sels dit slimme fertriet om it ferstjerren fan har mem hie se net mear mei har man diele kinnen. Harren gesinslibben stelde neat mear foar. Sûnt de bern de doar út wiene, wie it ferbân derút. It ferbjustere har, dat alles sa dúdlik te sjen, mar se koe de eagen net langer slute foar de wierheid. As man en frou hiene hja inoar hyltyd minder te sizzen. O ja, de dingen fan de dei, dêr praten se noch wol oer en soms like it suver noch wol gesellich, mar de kwestjes dy't Piter wêzentlik benearen of bliid makken? Wat wist hja der noch fan? En sels hold se langer ek it neiste foar harsels. Om de oare te sparjen hie elts syn eigen problemen oplosse wollen. Sa wie slûpendeweis de ferwidering kommen. Om bar hiene se by Mem har siikbêd sitten. Sabeare omdat it oars te drok foar de pasjinte wie, mar yn werklikheid omdat hja inoar net mear fine koene yn harren fertwiveling en har dêr foar Mem oer om sjenearden. It wie as hiene hja foarfield dat hja mear te missen kamen as in leaf âld minske, fan wa't hja beide mei in djippe tagedienens holden. Hja rekken ek in yllúzje kwyt. It âldershûs hie as in bolwurk west, dêr't hja noch altyd beskûl efter fine koene. In feilige haven, in fêst ankerplak, wie harren houlik nea wurden. Moasten se har net skamje, dat it har net slagge wie en bou in eigen fêsting? Piter wie te lider slein doe't it ôfrûn wie mei Mem. Hy hie nachten efter inoar wekke, oant hja it oerjûn hie en yn frede rêst wie mei har hannen yn sines, wylst er súntsjes har leafste psalm song. It wie op 't lêst sa hurd gien, dat Jette har net iens mear op 'e tiid warskôgje kinnen hie. | |
[pagina 194]
| |
Doe't Piter thús kaam, hie er sein, dat it him wie as hie er foar de twadde kear syn eigen mem ferlern. Doe hiene se tegearre gûld, mar yn de dagen dêrnei hie er frijwat koart en wrantelich tsjin har dien. Ut syn hâlding spriek in ferwyt, as hie hja him net de waarmte jaan kinnen, dêr't er sa'n ferlet fan hie. Hy wie wer âlve jier en syn thús wie him ôfnommen. Nea hie syn frou dat gemis folslein goedmeitsje kinnen. Dat sei er ek mei safolle wurden en hy wie mei de hiele wâl tsjin har útfallen, doe't hja besocht hie har te ferdigenjen. Hy wie har ôfgryslik op it sear kommen, mar hja hie besocht it oer te sljochtsjen troch te betinken, dat Piter himsels net wie, op dat stuit. Doe't er lykwols sa ûnreedlik bleau, wist se net mear wat hja der oan hie. Foar Heit en Mem wie se altyd de lytste bleaun, it swakke popke dat ûntsjoen wurde moast. Hja hie dy stipe letter, as spriek soks fansels, by har man socht, mar ynstee fan de treast, dêr't hja sa'n ferlet fan hie, krige se no hurde wurden. Wêrom die er sa, as wie alles har skuld allinne? Sa hopeleas iensum as by Mem har begraffenis hie hja har noch nea field. | |
7.It ferstjerren fan de âldelju brocht grutte feroaringen mei. Jette woe it sa njonkelytsen wol wat kalmer oan dwaan en tocht deroer de hier fan it grutte hûs op te sizzen. Hja fielden har beide sa ferbûn mei it plak, dêr't Mem har lêste libbensmoannen sliten hie, dat hja it beslút namen om dat Haachske hûs oer te nimmen en har dêr op 'e nij te ynstallearjen. It wie wol daliks dúdlik, dat hjasels de toutsjes dan net wer yn hannen nimme koe as húsfrou. As de bern aanst wer thúskamen, soe it libben foar har al drok genôch wurde, dat der soe in betûfte húshâldster komme moatte. Troch alle ferhuzingen wie har húsrie der net better op wurden en omdat hja út earmoed destiids de bêste stikken ferkeapje moatten hiene, wie it mar in frijwat suterich boeltsje, dat hja oerhâlden hiene. Mei wat moai antyk út it âldershûs en it jild fan de erfenis koene se har op 'e nij ynrjochtsje. It hie der even op like, as soe it plannen-meitsjen har wer wat tichter byinoar bringe. Sa'n ferhuzing koene hja tegearre oanpakke en it wie hearlik einlings wer ris sûnder om de kosten tinke te hoegen, wat keapje te kinnen. Nei sa lange jierren | |
[pagina 195]
| |
wer op skjin papier te stean joech in bliid gefoel fan ferromming. Doe't alle skulden oan kant wiene, wist se earst, hoe slim oft it har altyd yn 'e wei west hie, dat hja net altyd elts sines jaan kinnen hiene.
Uteinlik hie se de ferhuzing nei it grutte hûs net iens meimakke. Yn de iere maitiid krige de ynfluenza har wer ris te pakken en troch de hege koartsen dy't dêrmei anneks wiene, rekke hja fannijs sa ûnder fuotten dat alle moed har ûntsonk. Hja wist wol, dat fan har ferwachte wurde mocht, dat hja har dwaande hold, mei alles wat der regele wurde moast foar it ferfarren, mar hja hie it wier net mear opbringe kinnen. Hja liet Jette en Rensia tegearre kedize oer it âlderserf en tsjin Piter sei se, dat er fierder ek mar mei de susters oerlizze moast oer de ynrjochting fan harren takomstich hûs. Dy froulju hiene nocht oan soks en it wie har allegearre wol goed.
Op in middei koe se yn har rêstoerke de sliep mar net krije. It fleach har oan, dat hja dêr sa lei en neat út 'e wei sette. Machteleazens en mismoed wiene doe yn har gearballe ta in beslút. Alles dêr't hja de lêste wiken mei ompakt hie sûnder in útwei te finen, like yn ien kear oplost wurde te kinnen, as hja mar ree wêze soe om romte te skeppen. De gedachte wie pynlik, mar it idee wûn har ek sa op, dat hja der perfoarst oer prate woe. Doe't hja sieten te teedrinken, begûn se der tsjin Piter oer. ‘Dogge wy hjir wol goed oan? Dy ferhuzing? Hat it noch wol doel om ús fannijs te ynstallearjen? Ik haw mar sa'n gefoel, dat wy ússels en inoar sân yn de eagen struie. Tinkst, dat wy de trie mei de bern aanst wer opkrije kinne? Wês ris earlik, Piter, bestiet ús houlik noch? Soesto net folle better ôf wêze, ast net langer oan my bûn wiest? Ik sjoch dochs alle dagen, dat ik dy te koart doch. Yn de ienfâldichste plichten fan in frou bin ik net op myn plak. Ik sleep dy mei yn in bestean fan sykte en soarch. Do bist noch jong en al jierren jou ik dy net mear, wêrsto as man rjocht op hast. Ik hâld noch altyd fan dy, mar myn leafde is yn de rin fan de tiid, hoe sil ik it sizze, “susterliker” wurden. It is al lang lyn dat wy ien wiene nei lichem en siele. Myn langsten binne bestille, mar do kinst noch fjoer en flam wêze. Do soest in fleurige sûne frou haw we moatte, dy't dy in waarm en gesellich thús jout. Ien dy't der altyd foar dy is, ien mei wa'sto dy | |
[pagina 196]
| |
nochris wer jong fiele kinne soeste. Do hast sa'n swiere taak.’ Piter woe wat sizze. ‘Stil, lit my útprate. Ik stin hjir al in hiel skoft op om en leau my, dit falt my swier, noch swierder as ik tocht hie, mar ik wol it dy no dochs sizze, datst, asto dat faaks better fynst, datst dan wol wer frij wêze meist. Miskien kinne wy better mar skiede, dan kinsto dyn gong gean en hoechst ek net alle dagen mear mei my om te tsjoenen.’ Hja seach wol, dat it Piter grutte muoite koste om har net yn 'e rede te fallen. Hy wie der kjel fan wurden, dat hja de dingen sa plan-út by de namme neamde, mar hja liet har troch syn ôfwarrende gebearten net fan har stik bringe. Doe't hja alles sein hie wat har op it herte lei, en hja - deawurch ynienen - him net iens mear oansjen doarst, gie er njonken har sitten, wylst er har in earm om de skouders lei. Yn ôfwar hold hja dy stiif nei foaren, wylst har rêch oanfielde as ien rûne bôge fan spanning. Hja hie perfoarst troch de stilte hinnebrekke wollen; syn swijen út goederbêst fan de lêste wiken, syn begrutsjen mei de sike, dat hie har sa lyts makke. Hja woe no mei him prate, hearre wat syn betinken wie en hja soe har net - lykas sa faak - mei treastgjende wurden wer delbêdzje litte! ‘Sjoukje, Sjoukje, wat hellest dy yn 'e holle? Ik wol hielendal net fan dy skiede. Hoe komst derby?’ Hy besocht har mei sêfte bewegings fan syn hân te twingen de rêch te rjochtsjen en him oan te sjen. Doe sei er suchtsjend: ‘Ja, no sil ik ek earlik wêze en dan moat ik tajaan - dat hasto wol goed oanfield, lea - dan moat ik bekenne, dat ik dy yndie ynwindich wolris útfoetere ha, asto my foar myn gefoel yn de steek lietst. En ja, ik haw wolris in wjeraksel field fan dyn lichem, dat sa min opwoeksen wie tsjin it gewoane libben fan in frou. Ik haw miskien mysels wolris oerwinne moatten om dy yn 'e earmen te nimmen, te tútsjen en oan te heljen, mar ik haw nea, echt nea, dat kin ik dy beswarre Sjoukje, nea haw ik ôfskie fan dy nimme wollen.’ ‘Ik wol net datsto lilk op my bist en fan my wearzgest,’ brocht se der muoilik út, ‘en dat dochst, ast' let en wurch thús komst en my al wer siik op bêd oantrefst, dat fiel ik dochs.’ ‘Fansels soe ik graach wolle, datsto wat sterker en sûner wiest, mar dochs alderearst om dysels en foar de bern, want dy hawwe der it measte ûnder te lijen hân.’ | |
[pagina 197]
| |
‘Sjochst wol, no seist it sels, ik sit dy allinne mar yn it paad, ik betsjut neat mear foar dy.’ ‘Och, leave, hâld dochs op, do hearst net iens wat ik sis. It is wier, dat ik by myn swiere taak winliken wol ferlet haw fan in goede fersoarging en in gesellige sfear yn 'e hûs, mar hoe stelsto dy foar, dat ik it sûnder dy hawwe soe? Tochtsto, dat ik dan lokkich wêze koe? Tochtst dat ik dan mear foar de minsken en foar de partij betsjutte koe? Nee dochs? Dat leaust sels net. Ik sis it dy no wer, Sjoukje, lykas ik it dy lange jierren lyn yn Hamburch doe sein haw: Wy binne mei-inoar troud om elkoar yn goede en yn kweade dagen by te stean. En no wol ik der gjin praat mear fan hearre. Skiede? Hoe krijst it yn de holle? Nee, hear! Gjin kwestje fan! Ik sis it dy út goederbêst, set dy dat healwize idee foar iens en foar altyd út 'e holle! En no moat ik oan it wurk, ik sit myn tiid hjir te fergriemen. Rimpen wie er oerein gien. As in fûgeltsje, dat in fûle reinbui oer de wjokjes hinne krigen hat en net mear fuortfleane kin, wie hja by de tafel sitten bleaun, rûngear en kâld. No soe se har dochs tankber en ferromme fiele moatte, tocht se, mar dat like der net op. Hja wie sa lyts, sa lyts. Allinne noch mar in protsje ellinde. Hja bleau dêr mar stilwei yninoar dûkt sitten. Dat wisse, dat fanút de hichte ferguodlikjende fan Piter, dêr hie se nea oer kinnen. Hy behannele har jit altyd as it ûnnoazele famke, dat hja doe op dy reis nei Dútslân noch west hie. Fan Heit en Mem hie se it altyd fanselssprekkend fûn, dat hja har wat bepopken, fan Piter hie se it nea útstean kinnen. Wêrom miende er altyd dat hy better wist, wat hja trochmakke as sysels? ‘It is goed, Piter,’ antwurde se wurch, ‘wy prate der net mear oer, mar ik woe it dy dochs sizze.’ Hy plofte wer foar har oer oan 'e tafel del. ‘Witst watsto dwaan moatte soest, Sjoukje? Do soest by Luise Kautsky nochris fernimme moatte nei dy Dútske dokteres, dêr't de lêste tiid sa'n rop fan giet. Kom, hoe hjit dat minske ek wer? Jimme hawwe it doe noch wiid-weidich oer har hân, Luise en do.’ ‘Bedoelst Anna Fischer-Dückelmann? Dy't Het Gulden Vrouwenboek skreaun hat? Tochtst dan dat dy my better meitsje kinne soe?’ ‘Doch no foar ien kear ris net fuortendaliks wer sa negatyf, Sjoukje. Dat soe dochs kinne? Of bisto sa bysûnder, dat gjin dokter goed genôch foar dy wêze kin? Kinst it dochs sachs ris besykje? Ik haw | |
[pagina 198]
| |
inkeld mar positive lûden oer har heard. En hja skynt ek wolris yn Hollân te kommen. Faaks soest har dyn gefal ris foarlizze kinne. Wûnderbaarlike resulaten skynt hja te berikken mei ûntspannings-oefeningen. In protte lijen, ek by dy, komt fuort út oerspanning fan de geast. Do hast fansels dy hertkwaal, mar tochtst ek net, datst dy better fiele kinne soest, ast geastlik wer wat ta rêst kommen wiest? Winkler socht it destiids dochs ek dy kant út? Ast dêr no ris baat by fine koest. Soe it net ferstannich wêze asto dy yn Dútslân dan ris in skoft ûnder behanneling stelle soest fan dy Frau Fischer? Wy kinne dat no wol betelje! Skriuw har ris! Dat is in lytse muoite. En oars wol ik it wol dwaan.’ Hja seach Piter fernuvere oan. Woe er har dan dochs leaver fuort hawwe? Nee, sa mocht hja net tinke. As it no ris holp? Dat boek fan Frau Fischer hie har yndie tige oansprutsen. It sei himsels, dat in frou mear doel hie oer it froulik lichem en wat dêrfan ferge waard as samar in oare arts. Hja wie 45. Soene har klachten ek ris gearhingje kinne mei de jierren? By de húsdokter koe se mei soks net oankomme, mar dy Frau Fischer soe se dêr wol oer befreegje doare, fan frou ta frou. ‘Goed, Piter, ik sil om dat adres skriuwe en der wurk fan meitsje.’ ‘Do reizgest sa gau as Frau Fischer dy hawwe kin nei har ta en dan besikest wer myn krigel lyts wyfke te wurden. Underwilens regelje ik it hjir wol mei it hûs. Tink dy ris yn, ju: aanst wenje wy wer yn ús eigen hûs! Wy begjinne alhiel op 'e nij. Tsjin de tiid, datsto wer opknapt bist, komme de bern ek wer thús, dan moatsto ris sjen, hoe goed oft wy it dan hawwe sille mei-inoar.’ Hja besocht te glimkjen. As er sa fleurich die, wie Piter sels noch krekt in bern, folslein derfan oertsjûge, dat in probleem út 'e wrâld wie, as hy in oplossing betocht hie. Mei grutte stappen skonke er nei de doar, mar hy gie der noch net út. It wie krekt as hie er noch wat op 'e lever. Hja socht om briefpapier. It hie har dochs ferromme, dat hja der no alteast in kear oer praat hiene tegearre. Mar it wie krekt as fielde se Piter syn eagen noch yn 'e rêch, doe't hja by har sekretêre sitten gie om Luise te skriuwen. Hy skytskoarre dertsjinoan om de keamer út te rinnen en oan syn eigen wurk te gean. ‘Moatst ris hearre,’ sei er, ‘no't wy it der dochs oer hawwe... Wa | |
[pagina 199]
| |
wit, haw ik sels al in goede húshâldster foar dy fûn, dan hoechst dêr ek net mear oer yn te sitten.’ ‘In húshâldster? Hoe bist dêr sa hommels oan slagge, Piter? En wêrom seist dat no earst?’ ‘No ja, ik wit nea, hoe't sokke dingen by dy falle, ik woe in gaadlik momint ôfwachtsje, it driuwt ommers noch net, mar nosto sels oer de ferhuzing en sa begûn bist...’ ‘Makkest my nijsgjirrich, kom, fertel ris, hoe en wat. Do witst dochs noch wol, dat wy ôfpraat hiene, dat it in fikse krêft wêze moast, net sa'n jong ding dat ik alles noch leare moat?’ ‘Jawis, Sjoukje, dêr wiene wy goed oer ôfpraat en ik leau, dat dat mei dizze kandidate ek grif wol ynoarder komt. Ik sil dy it hiele ferhaal fertelle. Witst noch wol, dat wy yn Haarlim in skoftlang in Antsje Legendal fan Bakkefean as faam hân hawwe? En dat der doe ris kunde fan har by ús te gast west hat? In jonge frou út Drachten? Wolno, hoe't se der aan fan krige hat, dat wy ien sochten, dat wit ik net, mar dyselde frou, Sjoukje Oosterbaan is har namme, dy hat my in deimannich lyn in brief skreaun en harsels oanbean as help. Foardatsto nei Dútslân giest, soene wy nochris mei har prate moatte, liket my ta. Har brief komt my hiel sympatyk oan en ik miende, dat dyn yndruk doe yn Haarlim ek wol goed wie. Antsje wie ek in bêst famke, no?’ Hja moast even neitinke, foardat hja dy juffer Oosterbaan wer foar har krije koe. Doe wist se it wer: in frij grut stevich frommes mei wol in freonlik aard, sa yn it earste oankommen. Hja hiene doe hiel húslik en gesellich in skoft sitten te praten. Sa njonkelytsen wiene se alhiel yn 'e kunde kommen troch it petear oer freonen dy't dêr en dêr wenne hiene en dy't noch besibbe wiene oan dy en dy. Sa't dat dan giet tusken Friezen, as der oars net folle te ferhakstûkjen is. Wêr komme jo wei en fan wa binne jo ien? Mar it hie yndie gesellich west. In beskaafd minske wol. ‘Wie har heit net timmerman, Piter? En har mem wie jong stoarn. Antsje wie ien út it twadde houlik fan har heit. Siet it sa net?’ ‘Nee, it is justjes yngewikkelder. Juffer Oosterbaan hat de relaasje mei Antsje Legendal nochris krekt útlein yn har brief. Ik krij wat de yndruk, dat hja net sa goed kinnen hat mei har twadde mem en dêr thús al gau wat oer en te folle wurden is. Hja is der alteast al jong útgien te tsjinjen. It skynt, dat hja mar ien jier âlder is as Antsje, | |
[pagina 200]
| |
wylst se doe op my in folle folwoeksener yndruk makke hat... Hawar, wat seist? Sil ik har werom skriuwe, dat se mar ris komme moat te praten?’ It hie har wol goed west, al fernuvere se har oer Piter syn warberens. Sokke dingen liet er almeast dochs noch oan har oer, mar hawar, mei in famke út Drachten soe hja sachs gauwer thús wêze as mei ien út Skeveningen of Katwyk. Sok swiersettich folk, noch behâldender as de Moddergatsters, dat lei har alhiel net en mei dy Sjoukje hie se har doe samar thús field. As dat no syn beslach nochris krije koe, foardat hja fuortgie, dat soe in soarch minder mei op reis betsjutte. | |
8.Yn de maitiid fan 1905 wie hja yn 'e kunde kommen mei dokter Anna Fischer-Dückelmann út Dresden. Frau Fischer wie doe yn Nederlân en hja hie graach ree west om nei Skeveningen te kommen om de pasjinte mei wa't hja al wiidweidich briefke hie, persoanlik te sjen. Hja hie har thús ûndersocht en lang mei har en mei Piter praat. It hie har it bêste talike, dat hja in skoft by har yn 'e klinyk komme soe om in kuer te dwaan. Dan woe se besykje it mentale wjerstânsfermogen te fersterkjen troch har ûntspanningsoefeningen oan te learen. Letter soe se harsels dan wol fierder foarút helpe kinne en yn 'e takomst de problemen faaks wol op eigen krêft te boppen komme. Dat hearde hoopfol en de dokteres die ek sa fleurich, dat hja der sels oan begûn te leauwen, dat sa'n behanneling útkomst biede kinne soe. Der waard besletten, dat hja mar fuortendaliks mei Frau Fischer mei werom reizgje soe as dy har besonjes yn Hollân oan kant hie. Doe wie it ynienen hurd gien. Hja hiene ôfskie nommen fan de freonen yn Skeveningen en Piter hie wer in keamer socht yn Amsterdam, dêr't er wenje koe, salang't it hûs yn De Haach noch net klear wie. Wylst hja yn Dresden ta rêst kaam, soe hy earst yn Locarno in wyk-mannich útfanhúzje by syn âlde freon Eugen, de soan fan de filosoof Joseph Dietzgen. Piter wie sels ek slim oan fakânsje ta. Op 'e weromreis koe er dan moai yn Gaienhofen Dieuwke opsykje. It wenjen fan harren dochter by it jonge echtpear Maas hie gjin sukses | |
[pagina 201]
| |
west en doe't Dr. Lietz ek in kostskoalle foar famkes iepene hie, oan de Bodensee, hiene se besletten har dêr dan mar hinne te stjoeren. It hie Dieuwke wakker ynteressant talike. Winliken hie se ek wol wat jaloersk west op Jelle, sei se, omdat dy nei it bûtenlân ta mocht hie. It hie har destiids ûnmooglik west om nochris it skoaljild en in útset byinoar te skriuwen. Piter hie nochris de gong nei syn heit meitsje moatten om him om finansjele bystân te freegjen. It like wol, as hie it fertriet om it ferstjerren fan syn jongste soan de âlde hear mylder makke. No't Piter tasein hie him opfolgje te sillen by de Neerlandia, wie Heit ree te helpen mei jild foar de stúdzje fan Dieuwke. Pake waard âld, hie Piter sein, doe't er út Ljouwert weromkaam. It libben hie him ek net sparre: fan syn acht bern wiene doe allinne hysels, Haukje en Rike noch mar yn libben. | |
9.De earste moanne fan har kuer yn Dútslân koe se net folle ferbettering bespeure. Soe men der net moedeleas fan wurde? Anna Fischer hold har hyltyd mar wer foar, dat hja fierstente hurd woe. Wat yn lange jierren skean woeksen wie, koe gjin dokter yn in pear wike wer rjocht bûge, dêr moast hja begryp foar hawwe! Der soe in protte wûn wêze, as hja om te begjinnen earst ris besocht te wurden dy't hja sels wie. Hja moast harsels kennen leare en har net hyltyd ôffreegje, hoe't oaren har hawwe wolle soene. Hja wie dochs sels immen, dat hie se dochs wol sjen litten yn har wurk! De dokteres achte de situaasje perfoarst net hopeleas. Hja moast wat mear betrouwen hawwe, dat soe har genêzing te'n goede komme. Hja moast leare ris wat oer te jaan en net sa krampeftich sels de toutsjes yn hannen hâlde wolle. Wilskrêft wie net de heechste deugd. Jins winsken ôfstimme op jins fermogens, dat wie wiisheid, in gefoel fan eigenwearde ûntwikkelje, selsfertrouwen kweke. ‘Ja mar,’ hie hja tsjinaksele, ‘ik fiel my noch neat sterker as doe't ik hjir begjin juny kaam. Ik woe ha, ik soe no hast wer ris wat flinker wurde.’ ‘Jo hawwe langernôch flink west, as ik myn sin sis. It moat syn tiid hawwe, gnädige Frau, leau my no mar, net sa folle prakkesearje, ûntspan jo no ris, besykje ris te genietsjen fan de rêst dy't jo hjir | |
[pagina 202]
| |
hawwe, lit alle soargen by jo delglide. Hja rêde har dêrjinsen yn De Haach sûnder jo ek grif wol mei it spul.’ Fan Piter kaam der in fleurige brief út Locarno. Hy hie it tige nei it sin by Dietzgen. In wiis man, mei wa't er goed prate koe. En no moast hja har ris yntinke. Wie er dêr yn de bergen net in âlde Ljouwerter freondinne tsjin it liif rûn? De suster fan in maat út syn h.b.s.-jierren. Hie er hielendal út it each ferlern. Nea wer oan har tocht yn al dy jierren net, wylst it famke destiids dochs wol yndruk op him makke hie. Dat er sa faak by Oene Schreuder-en-dy syn kommen hân hie, hie doe grif ek mei om dizze Sytske west. In jeugdleafde, sa mocht it wol hjitte, mar noch folslein ûnskuldich. Hja wie no troud mei in dokter. Hy hie by harren te iten west. Sa aardich. De jierren wiene weifallen. Eins wie hja noch neat feroare. Eugen hie har ek hiel sympatyk fûn. Underoan frege er yn ien sintsje, hoe't it mei har wie en oft hja Frau Fischer syn kompliminten dwaan woe. Dat wie Piter op en út!
In wike letter hie se in ferslach fan syn thúsreize krige. Mei Dieuwke wie alles bêst. Hy hie prachtich waar troffen yn Gaienhofen. It famke hie mei him te roeien west, de Bodensee oer. Hja hie der sa goed útsjoen mei har sterke brune earmen yn de matroa-zebloeze, it ljochte hier ûnder de mûtse wei springerich om har kreas antlit hinne: in krêftich byld fan simmer en jonkheid, dat him foargoed fêstset hie yn syn ûnthâld. Hy hie him tige grutsk field mei sa'n dochter. Suver wer jong! It Landerziehungsheim lei dêr prachtich, sa ticht by Switserlân. Hy wie der oars net alhiel gerêst op, dat it kostskoallerezjym net wat te folle frege fan de fammen. De hiele dei troch wiene hja besteld mei lessen en oare ferplichte beuzichheden. Wat tocht har dêrfan? As hy syn sin sei, krigen dy bern te min gelegenheid om ris even ta harsels te kommen, mar Dieuwke klage net. Hja hie der nammers ek wol wer sin oan om thús te kommen. Hy soe no besykje oft er har by Catharina van Rennes pleatse koe, yn Utert. Sang studearje wie wol definityf har kar, hie se sein. En, o ja, oft er Mem betankje woe foar de brieven en kaarten. Hja hie wier fan doel west en skriuw nei Dresden, mar hja koe der mar net oer gear komme. Dus hjirby: hertlike groetenis en in tút fan Dieuwke. Hie hja noch wat fan Jelle heard? Hy hie sels twa brieven krige ûnderwilens. | |
[pagina 203]
| |
Mei it hûs yn De Haach like alles ynoarder. De timmerman en de ferver wiene klear mei har wurk. It seach der himmel en fris út, hie Jette him skreaun, mar faaks hie hja har dat sels ek wol ferteld. Oare wike soe de juffer út Drachten arrivearje. Dan koene se begjinne mei it ynrjochtsjen. Hy hie der al ris oer neitocht, hokker keamer oft er har it bêste jaan koe. Jette har eardere sliepkeamer? Of woe hja dy foar harsels hâlde? Hy soe juffer Oosterbaan mar útsykje litte, it makke him neat út en as it har letter net nei 't sin wie, koe it altyd noch wer oars regele wurde. ‘No, do moatst mar gau better wurde! Oant sjen, hear, Pyt.’ Frau Fischer hie maklik praten, mei har ‘lit it by jo delglide!’ Sokke brieven joegen har in protte stof ta neitinken. ‘Mar wat jo hjir ek byinoar lizze te prakkesearjen, it jout jo ommers neat, Frau Troelstra, jo kinne de dingen net altyd foar eltsenien regelje. As jo dochter aanst thús komt fan de kostskoalle en mei har muzykstúdzje begjint, dan sil jo man wol in keamer foar har sykje. En oars docht it famke it sels wol. Hja wurdt fan it simmer sechtsjin jier, is 't net sa? Dan moat hja har mei wat help op 'e eftergrûn dochs wol rêde kinne? Jo hawwe my sels ferteld, dat it famke tige selsstannich is en jo moatte net ferjitte, dat hja al omtrint trije jier ûnder jo wjukken wei is.’ De dokteres hie fansels gelyk, mar dochs liet it har net los. Doe't hja sels fyftsjin west hie, hie se foar it earst fan hûs west. Doe wie se yn Dokkum op kostskoalle kommen. Heit hie har dêrhinne brocht en op syn minst ienris yn 'e wike hie er har opsocht. Wat hie hja doe noch mar in bern west! Soe Dieuwke har no wol rêde kinne yn sa'n frjemde grutte stêd? Utert wie fansels net alhiel ûnbekend foar har, hja hie der fjouwer jier wenne, mar doe hie se noch lyts west. Hjasels hie nea yn it bûtenlân west oant yn de ferlovingstiid. In bleu famke fan doe út in boeredoarp as Nes en in frijmoedich en selsbewust jufferke as Dieuwke, hja mocht se winliken net mei-inoar ferlykje, mar dochs? Har memmehert wie fol noed. Jelle soe dy simmers by syn heit útfanhúzje. Piter wenne no earst wer in skoftke op syn keamer yn Amsterdam. Hja hope mar, dat har beide manlju it goed mei-inoar fine kinne soene. Piter hie de bêste foarnimmens om it de jonge nei it sin te meitsjen. Hja soene ris hjir en dêr hinne tegearre. Der kaam yn it Suasso Museum in grutte ten- | |
[pagina 204]
| |
toanstelling fan de skilder Vincent van Gogh. Dy moast hiel bysûnder wurk makke hawwe. In Nederlanner dy't yn Frankryk skildere hie. It moast him dêr yn 'e plasse slein wêze. Fyftsjin jier lyn hie er himsels te koart dien. Soe dat no wol goed wêze foar sa'n gefoelige jonge as Jelle om mei dat frjemde wurk konfrontearre te wurden? Mar wer sei Frau Fischer, dat hja dêr net oer yn sitte moast. Har man soe echt wol witte, wat de jonge ferneare koe. Hja wie net allinne ferantwurdlik foar de bern. It wiene sines ek! Oan dat idee hie se werklik wenne moatten. Salang hie se har bêste krêften jûn oan it grutbringen fan Dieuwke en Jelle. Dy taak hie har suver de rjochtfeardiging fan har hússittend bestean west en it wie har swier fallen him út hannen te jaan. Doe't hja it ta har trochkringe liet, dat hja net ûnmisber wie, sels net foar de bern, hie dat sear dien. It joech in leechte, mar - hoe wie it mooglik - ek in gefoel fan opluchting. Mar foar wa libbe hja dan noch? ‘Yn it foarste plak foar josels!’ sei Frau Fischer. ‘Jo binne op josels dochs in folslein minske? As jo it net goed mei josels fine kinne, kinne jo ek nea wat foar oaren betsjutte.’
Hiel stadich koe se fernimme, dat hja foarút gie. De wurgens fan it jierrenlang op 'e teannen rinnen en de ûnmacht fan it jin ivich skuldich fielen, saksearren. De omjouwing begûn har belangstelling te krijen en hja makke ris faker in praatsje mei oare pasjinten. Yn de petearen mei Frau Fischer rekke it ferline op 'e eftergrûn. Der wankte wer in takomst. Hja krige der nocht oan om troch de stêd te kuierjen en alles yn har op te nimmen. Dresden wie moai. As hja troch de âlde strjitten gie op har ûntdekkingstochten, fernaam se, dat har stap hyltyd in bytsje krêftiger waard. It wie in frjemd idee, dat hja no by deselde Elbe lâns kuiere, dêr't hja safolle jierren lyn yn Hamburch mei Piter nei stien hie te sjen. De moed dy't hy har doe wer jûn hie, moast se no op eigen manneboet bemasterje. It wie net maklik, mar hja fielde, dat se de striid winne koe.
In deimannich letter betrape se harsels derop, dat hja samar rûn te núnderjen as hja in hantaast die yn de klinyk. Wat ditten en datten útspiele, de koffers oprêde, sokke dingen. ‘Ik hab in seeman kennen’, ‘Sliep sêft myn berntsje, ei slomje sa swiet’, ‘'k Joech dy in | |
[pagina 205]
| |
ring op trouwen en swarde in eed dêrby...’ ‘Thús,’ tocht se, ‘thús hawwe wy in bulte songen.’ En doe't hja ‘thús’ tocht, hie se net de grutte rûne tafel yn 'e âlde pastorij foar har sjoen, net de salon by Heit en Mem yn De Haach dêr't hja op sneintemiddei op besite west hiene, mar hja hie har eigen hûs sjoen, de koken oan 'e Skrâns, dêr't Hiltsje sa fleurich ophelje koe ûnder it skrobjen en bjinnen. Hja hie de smûke wenkeamer yn Haarlim foar har krige mei de yttafel en Piter en de bern der omhinne. As Dieuwke en Jelle der aanst wer wiene, wat soe dat gesellich wêze! Eins foar it earst begûn se der nei út te sjen meikoarten wer nei hûs ta te kinnen en har eigen plakje wer yn te nimmen. ‘Wo man singt, dort setz' dich ruhig nieder, böse Menschen haben keine Lieder,’ sei Frau Fischer dy middeis, wylst hja in stoel oanluts en by har sitten gie. ‘Wy geane de goede kant út, ik begjin oan jo te winnen, Frau Troelstra!’ Hja hie tankber glimke. ‘Jo hawwe gelyk, Frau Doktorin, ik fiel my ek stikken better as west hat. Ik tocht krekt, ik soe hast wol wer nei hûs ta wolle. Wat tinkt jo dêrfan?’ ‘Dêr bin ik bliid om, mar wy moatte net te hastich. Wat skriuwt jo man, hoefier is er mei it hûs?’ ‘Begjin septimber sil it sawat klear wêze. Dan soe er my ophelje wolle, dêr sjocht er nei út, skriuwt er.’ ‘Hawwe jo thús in goede help?’ ‘Ja, dat liket ek bêst beteard te wêzen. Myn man is fol lof oer de húshâldster dy't wy fûn hawwe. In Frysk famke, wy binne beide wiis mei har.’ Der waard besletten, dat hja út Dresden wei earst noch in wykmennich yn Haubinda by freonen út de partij útfanhúzje soe om de oergong nei it gewoane libben net te abrupt wêze te litten. Dêrwei soe Piter har ôfhelje en mei nei De Haach ta nimme. Yn it lêst fan de simmer hie se wer thús west. | |
10.It gie yn it earst foar wûnder. Hja fielde har sa licht en fleurich as yn gjin jierren it gefal west hie. It wie krekt of wie der in lêst fan har ôfnommen. Doe't hja op in moarn dwaande wie de wask dy't | |
[pagina 206]
| |
Sjoukje Oosterbaan strutsen en opteard hie, yn de linnenkast op te bergjen, oerfoel har ynienen wer it poppehûsgefoel fan jierren lyn. Doe't hja yn Huzum oan it ynrjochtsjen west hie, doe hie dat har ek sa bliid makke, it ompakken mei steapels lekker fris rûkend skjin guod, it oarderjen fan jins eigen dingen. Hearlik, dat hja it no net sa krap mear hiene en wer ris wat moais keapje koene. As wie hja in bern, dat lokkich is op it plak dêr't it boartet, sa hie se har field. Folslein yn harmonije mei harsels, har neisten en de wrâld. Oktober 1888 wiene se troud, no wie it oktober 1905. Sântsjin jier, mar hja fielde har wol fjouwerentritich jier âlder. In hiel oar libben hiene se krige as hja doe tinke kinnen hiene. Drok, dreech bytiden, mar it wie it bestean, dêr't hja tegearre foar keazen hiene. Hja hie net oars wollen. Sa rêstich en fredich as hja it doe yn it begjin fan har trouwen dêr oan 'e Skrâns hân hie, dat hie har net faak mear barre mocht. Mar inkeldris hie se noch dat gefoel hân fan lok en fan ien-wêzen mei har omjouwing. Doe't hja op dy moaie neisimmerdei mei lytse Dieuwke yn 'e bernewein kuiere yn 'e Prinsetún. En doe yn Stiens, yn dat folksgebou, doe't hja mei-inoar it Marianneliet songen hiene. Doe't Jelle har sa leaf treastge hie, op in momint dat de emoasje har oermânsk wurden wie by it foarlêzen fan in ferhaal oer har eigen berne-eangsten en ja, út en troch ek, as hja oan it skriuwen wie. Dan hie se soms ek sa los fan harsels west, dat hja pine en wurgens fergeat en alhiel opnommen like te wêzen yn in selsskepen wrâld. Tiidleas tefreden. Soe Piter dat gefoel kenne? Hie er dat hân, doe't er mei Dieuwke oer de Bodensee foer? En yn Locarno mei de freondinne fan syn jonkheid? |
|