De oare helte
(1997)–Tineke J. Steenmeijer-Wielenga– Auteursrechtelijk beschermdNynke fan Hichtum, de frou fan Piter Jelles
[pagina 161]
| |
(1926)No't hja weromsjen koe en wist, hoe't de arbeidersbeweging him yn de nije ieu ûntjûn hie, waard har dúdlik, dat it by de striid foar frijlitting fan de bruorren Hogerhuis om folle mear gien wie as allinne it oan 'e kaak stellen fan magistraten dy't har skuldich makke hiene oan klassejustysje. De Hogerhuissaak wie as sadanich oars net as ien fan de lêste yn in lange rige fan arbeidersprosessen, dêr't net de minsken, mar de Beweging en har lieders yn feroardiele wiene. Mei't troch Piter syn agearjen de saak fan de Hogerhuizen lykwols ta ûnderwerp fan debat yn de Keamer wurden wie, hie dy folle mear betsjutting krige. Net allinne de sosjalistyske parse brocht ferslach út fan beskuldigingen, nije ûndersiken, brieven út Dútslân en Amearika mei tsjûgenissen, gearkomsten yn it hiele lân, aksjes om jild byinoar te krijen en gean samar troch, mar nei ferrin fan tiid joegen ek de boargerlik-neutrale en de konfesjonele blêden omtinken oan de saak. De kwestje fan de ferantwurdlikheid fan de Minister fan Justysje foar de ûnôfhinklikens fan de rjochterlike macht oer kaam wer oan 'e oarder, strafrjochtgelearden fan namme bemuoiden har dermei en de diskusje ferbrede him úteinlik ta de frage oft de kristlike partijen gewurde litte soene, dat de sosjalisten harsels it privileezje ta-eigenen fan op te kommen foar de rjochtleazen. Yn de Beweging sels lôge foar it lêst de striid op tusken de radikale sosjalisten fan Domela Nieuwenhuis, de minsken dy't har noch mei de âlde Fryske Folkspartij ferbûn fielden en de S.D.A.P.-ers, tusken radikalen, frije sosjalisten en sosjaal-demokraten. In útsichtleaze bruorrestriid dêr't neat gjin goeds fan komme koe. Yn it ‘Landelijk Comité voor de Invrijheidstelling der Gebroeders Hogerhuis’ wie ien fan de oarsaken fan strideraasje ûnder elkoar, âld sear út de ferkiezingsstriid fan 1897. De âlde Beweging mei har ideaal fan solidariteit hie foargoed syn tiid hân. Wêr't dat ideaal ta liede koe, bewiisde de inerlike striid fan de mannen dy't it foar har gewisse net ferantwurdzje koene de nammen fan de wiere skuldigen te neamen, omdat dat ek sosjalisten wiene. De ideeën dy't yn de âlde Beweging libben, hiene nayf west, de fer- | |
[pagina 162]
| |
wachtings ûnwerklik, mear en mear wie it Piter en syn partijgenoaten dúdlik wurden, dat de striid yn it Parlemint de iennige manier wie om wat te berikken foar de arbeiders. Hja hie dy ûntwikkelingsgong fan tichteby folge en meibelibbe, hja koe Piter syn hâlding alhiel binlikje, mar dochs miste se soms de befleinens fan dy earste tiid. Der libbet yn 'e minskesiele in byld fan wierheid en fan rjocht, hie Piter yn ‘In nije tiid’ dichte; Hy kin in iivge langstme fiele nei 't ryk fan frede, leafde en ljocht; Dy rigels wiene har gauris troch de holle gien yn de neare tiid fan Piter syn feroardieling.
Frjemd, dat guon situaasjes har sa skerp bybleaun wiene. Hja seach harsels, no't se har dy hiele skiednis wer te binnen brocht, noch op in jûn mei har man oan wjerskanten fan 'e tafel sitten, yn Haarlim, dêr't se doe noch net salang wenne hiene. Hja belibbe it wer like echt, as barden de dingen op datselde stuit en net in fearns ieu ferlyn. | |
1.It wie ien fan de lêste dagen fan juny 1900, koart foardat Piter him melde moast by de finzenis om in moanne straf út te sitten. Hja sieten beide te skriuwen; de bern wiene al út 'e wei. Piter woe syn bêste freonen noch in brief tahawwe, foardat er ûnberikber wurde soe. Hja koe sels dy jûn de holle net by har wurk hâlde. Hyltyd moast se nei har man sjen, dy't de hân ûnfersteurber oer it papier gean liet. Wat wie er har dochs dierber, sa't er dêr siet... Hja makke har soargen, dat er mei syn libben en beweechlik aard de knoei wei krije soe, as er in moanne lang opsletten waard yn sa'n benaude sel. Oan Piter syn mem moast se tinke en oan syn susters dy't jong oan 'e tarring weirekke wiene. Rinske noch mar fjouwer jier lyn. Hyltyd hie se it byld fan syn broer Durk foar eagen, dy't siik wurden wie, neidat er yn Amersfoart in bern, dat yn it wetter fallen wie, it libben rêden hie. T.b.c., hie de dokter konstatearre, doe't er mar net wer opknapte. In deafonnis foar ien út in famylje, dêr't dy sykte al safolle slachtoffers makke hie. Durk en Sylvie | |
[pagina 163]
| |
wennen no om syn sûnens yn Tirol en besochten mei it hâlden fan in pensjon har brea te winnen. Hja woe wol, dat hja mar yn Piter syn plak nei de finzenis gean koe. Mei dat idee hie se de lêste wiken hyltyd omrûn. Oan har soe ommers neat ferlern wêze, as hja yn de sel omkomme soe, wylst de Beweging him noch net misse koe. Hja hie de lêste tiid wolris faker wer mei langstme útsjoen nei de dea. Neat mear te hoegen, foar altyd rêst te hawwen, nimmen mear teloarstelle, net ien te koart dwaan, it wie har foarkommen as in tastân fan loksilligens. Der wiene dagen dat hja wer sa ynein wie, dat hja wol graach de eagen foar altyd slute woe. Mar hja wist tige skoan, dat hja sa net tinke mocht. Sa swiersettich as doe yn Ljouwert hie se gelokkich nea wer west! De bern koene har noch net misse, dêr hold se har oan fêst. Wa soe foar Dieuwke en Jelle soargje, as harren mem der net mear wie? Piter? Dy hie it ommers fierstente drok mei syn eigen dingen! Fan datoangeande wie de situaasje der mei de ferhuzing nei Haarlim winliken neat better op wurden. Hja lei de pinne del. It waard neat sa. Hyltyd giene har tinzen yn oare wei. Hawar, de kommende wiken soe se tiid genôch hawwe foar har eigen skriuwerij. Fannijs seach se nei Piter dy't noch altyd drok dwaande wie. Wêrom praten hja no net tegearre? It koe no noch. Wie dy brief no echt sa wichtich op dit stuit? Wat soe der no yn hìm omgean? Wie er wol sa moedich as er it foarkomme liet? It woe har hast net oan, dat hy net tsjin de finzenskip opsjen soe. Wêrom hold er him dan grut? Hja hie hawwe wollen, dat er syn soargen no mei har dielde. Hiene hja elkoar dan hyltyd minder te sizzen? Wiene hja taskôgers wurden fan inoars bestean? Wylst hja har man dêr sa sitten seach, teagen de lêste jierren fan har houlik oan har each foarby. Der wie in soad bard sûnt de oprjochting fan de nije partij. Wat in feest hie it west doe't Piter yn 1897 as earste S.D.A.P.-er yn de Keamer keazen wie. Yn mar leafst trije distrikten hie er wûn: Wynskoat, Ljouwert en Tytsjerksteradiel. Earst wie er noch yn Fryslân bleaun om de oerwinning te fieren mei de minsken dy't sa foar syn ferkiezing yn 't spier west hiene, mar op de fjirde july wie er nei hûs ta kommen. De Uterter freonen hiene in rydtúch besteld en hja wie mei de bern nei it stasjon ta riden om him | |
[pagina 164]
| |
op te wachtsjen en wolkom te hiten yn syn nije weardichheid fan folksfertsjintwurdiger. Deawurch, mar och sa foldien wie er oankommen. It hie krekt op Dieuwke har achtste jierdei west en it famke hie miend, dat alle drokte en feestlikheid foar har wie. Hja hie geniete! As in lytse prinsesse hie se yn 'e kessens sitten en wiuwd nei de minsken dy't oan 'e kant fan de dyk eefkes stean bleauwen en wiisden op Piter dy't laitsjend en drok yn petear, mei de grutte lauwerkrânse dy't syn meistriders him offrearre hiene om 'e hals, it triomfantelike middelpunt wie fan it fleurige selskip yn de koets. Harren partij yn it Parlemint! Dat hiene se dochs mar berikt.
Yn De Haach hiene se dêrnei moaie jierren hân. Jette wenne dêr en Heit en Mem ek sûnt koart. Hja hiene dêr wer in rommer hûs krige, oan it Kanaal, tichteby de âldelju. Pake en Beppe libben tige mei en foar elts fan de bern en bernsbern hiene se tiid en omtinken. Hja hie yn De Haach wer geregeld kuiere mei Heit. It prate noch altyd noflik mei him ûnder it rinnen! Heit wie ek net sa gleonhastich en rimpen as Piter mei syn lange skonken. Dy rûn har altyd in pear trêd foarút, as hja him net stevich yn de earm hie. Jelle hie gauris nei skoaltiid mei Beppe sitten te damjen en sels Piter wie geregeldwei by har âlden oanrûn. It joech him rêst, sei er altyd, om nei in sitting mei dy wize âlde minsken noch wat nei te praten oer wat der oan 'e oarder west hie yn de Keamer. Hja makken foar him it gemis fan syn eigen âlden in bytsje goed. Dat de ferhâlding mei syn heit sa min wurden wie, friet dochs wol oan him. Soms hiene hja op sneintemiddei allegearre tagelyk by Pake en Beppe west. Dan wie Piter yn skimerjûn efter de piano sitten gien en hiene se mei-inoar songen, lykas fanâlds. Dieuwke hie in moaie stim. As Piter in goed sin hie, song er twastimmich mei syn dochter. Och sa ienriedich wiene hja dan letter nei har eigen hûs werom rûn. Piter mei Dieuwke foarop en Jelle en hjasels der yn in kalmer tempo efteroan. En as hja dan de jûns wer om harren eigen tafel hinne sitten hiene, dan hie se har ynlik tefreden field as se de húshâlding oerseach. Piter lêzende yn de Keamerstikken, Dieuwke en Jelle mei húswurk, in moai boek, of in spultsje. Sels hie se ek altyd wol wat ûnder hannen hân. Printkladden dy't korrizjearre wurde moasten, korrespondinsje, oantekeningen foar nij wurk. | |
[pagina 165]
| |
Wat hiene hja it yn De Haach in ein nofliker krige yn ferliking mei de swiere pioniersjierren yn Utert. Likegoed wie it doe finansjeel ek noch net rom om kommen. It Keamerlidmaatskip smiet twatûzen gûne yn it jier op, mar de partij ferge har folksfertsjintwurdigers op in flinke bydrage oan de kas. Hja hiene dat offer mei leafde brocht, mar it betsjutte al, dat de âlde Ljouwerter en Grinzer skulden noch noait hielendal lyk wiene. Dat pleage har, mar it kaam gelokkich net mear foar, dat de bern mei de honger yn 'e hals op bêd moasten. It slimste hiene se hân. It lytse hûs yn de Riemstrjitte yn Utert hie har op it lêst in finzenis talike, in kouwe dêr't net ien de wjukken yn útslaan koe. Sljocht koe se dêr wurde fan Piter syn nervositeit en syn op en del trêdzjen as er in taspraak oan it tarieden wie. Hoe koe men yn 'e frede de holle by jins eigen wurk hâlde mei sa'n ûngeduerich man om jin hinne? Sneins wiene se der safolle mooglik op úttein: kjersen ite yn Bunnik, mei de hynstetram nei Zeist, mei de trein nei Soestduinen en dêr kuierje yn 'e bosken. Dan koene de bern har wer even úttjirgje. Gauris wiene de Dijkmannen of de Diemels meigien. De freonen út Utert hiene har altyd geweldich bystien. Hè, hja woe wol, dat hja yn Haarlim mar wer wat kunde hie... Ynienen hie se field, dat Piter nei har siet te sjen. ‘Wêr wiest alhiel, mei dyn tinzen?’ frege er. ‘By dy,’ sei se spontaan. ‘Ik tocht oan alles wat wy de lêste jierren meimakke hawwe. No sil ik dy in hiel skoft misse moatte en ik ken hjir noch gjin minske, wylst wy yn De Haach de famylje tichteby hiene en der yn Utert altyd safolle oanrin wie, dat it my sels wolris te drok waard, hoe goed oft wy it ek hiene mei al ús freonen dêre. It sil sa aaklike stil yn 'e hûs wêze, asto der aanst in hiele moanne net biste. Wy hawwe noch net iens in fertroude faam fûn. Ik soargje der tsjinoan om salang allinne te wêzen mei de bern.’ Piter hie har ûngelokkich oansjoen. ‘Ik woe wol, dat ik wat foar dy dwaan koe, Pop, mar hjir is gjin ferwin op.’ ‘Ik wol net oer myn lot kleie, Piter, foar dy sil it noch folle swierder wêze. Iensume opsluting, as ik my dat yntink, beset it my. Do bist net sterk en do hast dysels net sparre. Wannear komsto ris oan dysels ta?’ ‘Ik wol net oars, Sjoukje, ik haw tsien jier lyn foar dit libben keazen, in libben fan striid, mar foar in goede saak, dêr bin ik fan | |
[pagina 166]
| |
oertsjûge en dat makket my sterk. En do, do rêdst it ek wol op.’ Hy seach har fêst oan. ‘Hast it ommers altyd noch oprêden, myn lyts krigel wyfke.’ Syn lûd hie even trille, mar doe prate er wer gewoan fierder: ‘Och, ju, in moanne is samar foarby en de bern binne der ommers ek, dy sille dy grif goed helpe. Dat haw ik mei har ôfpraat en ik rekkenje op har. Hja wurde al sa grut, Sjoukje, hja begripe mear, asto tinkst. Wy hawwe geweldige bern.’ Hy wie hast wer emosjoneel wurden en begûn gau oer wat oars. ‘Niis haw ik Ravestein skreaun en frege oft er ek ris by jimme sjen woe. “Myn frou hâldt har krankyl en toant har de fikse partijgenoate fan altyd” haw ik skreaun, “dat is in grutte stipe foar my.” En dat mien ik, Sjoukje. Ik bin grutsk op dy.’ Hja hie der in kleur fan krige. It barde net faak mear, dat er har sa oprjocht priizge. | |
2.Dat de Uterter freonen har net fergetten hiene, die de lêste snein foardat Piter him melde moast, wol bliken. Dijkman, Ravestein en Diemei wiene doe mei har trijen nei Haarlim ta kommen om der nochris, lykas fanâlds, mei har op út te tsjen. In dei lang hiene se kuiere yn de Bloemendaalse dunen. It wie prachtich waar en hja hiene geniete fan de natoer en oer en wer ek fan it selskip. ‘No haw ik frisse lucht genôch opsnúfd foar in hiele moanne,’ fersekere Piter har, doe't hja har dy jûns deljaan soene. Syn kofferke stie ree mei klean, boeken, papier en skriuwark. Hy hie nei de kapper west en der wie sels in foto makke foar de krante. ‘Ik bin der klear foar,’ sei er, ‘ik bin suver bliid, dat it no hast safier is. It liket my ek noch wol noflik ta om ris in moanne lang rêstich lêze en studearje te kinnen. It komt my net faak oer, dat ik tiid foar mysels haw. Ik wol besykje in pear artikels foar Het Volk te skriuwen oer de situaasje yn de lânbou, oer de pachtkwestje en sa, mar der is neat dat my driuwt. It liket wol fakânsje.’ Hy joech har in nachttút, draaide him om en sliepte. Hja wie sa moedich net. Skoftenlang lei se noch te draaien en te prakkesearjen. | |
[pagina 167]
| |
Doe't Piter de oare deis fuort wie, wie hja yn de stoel foar it rút hingjen bleaun, doe't er al lang om de hoeke fan de strjitte ferdwûn wie. Hja hie har grut hâlden en net gûld, doe't de bern Heit dachsizze moasten, omdat it tiid waard om nei skoalle ta. Hja hiene sels efkes letter ôfskie faninoar nommen en dêrby hie se Piter nochris ûnthjitten, dat hja goed om harsels tinke soe. Hja hie him moedich neiwiuwd, sa lang as se him sjen kinnen hie, mar doe hie se der ôf west. Hja siet dêr mar en dikere troch it rút sûnder wat te sjen. Haarlim makke har fertrietlik, tocht se, omdat hja de stêd noch net koe. De famylje, by wa't hja as famke wolris útfanhuze hie, woe no neat mear mei har fan dwaan hawwe. Wer wat bewuster, eage se de gevels fan de Frans Halsstraat bylâns. Kreaze wenningen fan har folslein ûnbekende Hollânske boargerlju dy't har neat te sizzen hiene. Yn al dy huzen libben minsken mei har eigen bestean, har eigen soargen en problemen, dy't fan har en harren stribjen net it lytste begryp hiene. Frjemden yn in frjemde stêd. Soe se hjir wol ea thúsreitsje? Doe't Piter yn 'e maitiid de einredaksje fan de nije sosjalistyske krante, Het Volk, op 'e noed krige hie en it dúdlik wurden wie, dat hy dêrfoar geregeld nei it redaksjeburo yn Amsterdam moatte soe, hie it sa'n goed idee like en ferfar mar nei Haarlim. Dêrwei koe er ommers mei de trein maklik èn yn De Haach èn yn Amsterdam komme. Rillegau hiene hja in gaadlik hûs fûn, mar doe't it oan ferhúzjen ta wie, hiene se der noch net yn kinnen. Piter hie doe keamers hierd yn Amsterdam en sels hie se mei de bern wer in skoftke by Heit en Mem yn west. De ynboel wie opslein. Wat in ûngesellige tastân! Op Piter syn 40ste jierdei, 20 april 1900, hie se in dei by him west, dat woe er graach, omdat ek hy de húslikens slim miste. In frjemd, benearjend gefoel hie dat jûn: by jins eigen man op jierdeibesite sitte, krekt as hearden jo net mear byinoar. De kostjuffer hie kofje en taartsjes brocht, mar feestlik hie de stimming net wurde wollen. As stive poppen hiene se foar inoar oer sitten en it wie by wat gelegen-heidskonversaasje bleaun. Neigeraden it letter op 'e dei waard, hie har mear en mear it gefoel bekrûpt, dat hja Piter winliken yn it paad siet. Hy hie grif noch wurk dat dreau. Op it lêst hie it him ek sa ynbaarnd, dat er in jonge fan kantoar om in rydtúch stjoerd hie om har mar wer nei it stasjon ta te bringen. Hy | |
[pagina 168]
| |
hie him ferûntskuldige, it wie tafallich slim drok op 'e krante en doe hie hja sein, dat se dêr begryp foar hie, dat it fansels spriek dat er net samar in hiele dei mist wurde koe, mar de hiele besite wie dêrmei op in grutte teloarstelling útdraaid. Ferlern en ferlitten hie se har field, doe't hja wer yn de trein nei De Haach siet. Folle earder as hja thús ferwachte hiene, hie se wer by Heit en Mem op 'e stoepe stien. O ja, it hie gesellich west. Piter wie sa op it skik! De kadootsjes fan de bern hie er tige bliid mei west. Sa'n moaie tekening fan Jelle en Dieuwke har brief... Hie er der eins wol nei sjoen? Hja hie wol gûle kinnen! | |
3.Gelokkich, dat hja no alteast wer in eigen hûs hiene en in bytsje harsels wêze koene. As Piter der strak wer wie, soene se ek wol wat kunde krije. Hy makke altyd sa maklik kontakt. De bern soene op skoalle grif ek wol nije maten fine. Mar hja? Foar har wie it dreger. Hja kaam ommers de doar hast net út. Wa moete hja noch? It waard hyltyd stiller om har hinne. Hoe moast se no dy hiele julymoanne trochkomme sûnder Piter? Hie se dochs better útfanhûs gean kinnen nei Rensia en Willem yn Wageningen? Har suster hie har freonlik genôch útnoege. Mar hja hie it ôfslein. De bern moasten ommers de earste wiken noch nei skoalle ta en sels woe se it net heal, gesellich op reis gean, wylst har man fêst siet. ‘Ik wol besykje om wat te wurkjen,’ hie se werom skreaun, ‘faaks kin ik Piter dan op in útstapke trakteare, as er wer thús is.’ Sokssawat hie se ek tsjin Heit en Mem sein. Ferline jier hiene se noch mei de bern nei Fryslân west. Te farren op de Burgumermar, in hearlike fakânsje! Dêr hie Piter doe heard, dat er frijsprutsen wie. Der wie him in leaden lêst fan de skouders fallen troch dy ûnferwacht mylde útspraak fan de Haachske rjochtbank, neidat de Ofsier fan Justysje ynearsten fjouwer moanne tsjin him easke hie. Mislediging fan dy syn Ljouwerter konfrater, Graaf Schimmelpenninck, in beskuldiging dat dy him oan machtsmisbrûk skuldich makke hie, dat liigde der ek nèt om. Neffens Piter hie sa'n provokaasje de iennige mooglikheid west om de saak fan de bruorren Hogerhuis wer iepene te | |
[pagina 169]
| |
krijen. Syn besykjen om mei it iepentlik oanwizen fan de skuldigen in oanklacht fan smaad fan dy kant út te lokjen wie mislearre; dy mannen holden har leaver kûm, dat doe hie Piter yn De Sociaalde-mokraat, it orgaan fan syn partij, en yn de Keamer in boekje iepen dien oer de metoaden fan it Iepenbier Ministearje en oer de Ljouwerter Ofsier fan Justysje. Hy hie de Minister sels ferantwurdlik steld en derop wiisd, dat Nederlân, dat yn de Frânske Dreyfus-affêre sa moedich it rjocht ferdigene hie, yn de saak fan de Hogerhuizen wittens en mienens ûnskuldigen finzen hold. De beskuldiging dat Schimmelpenninck leagens en bedroch as arguminten brûkte om ûnskuldigen efter de traaljes te hâlden hie dy noch wol oer syn kant gean litte wollen, omdat er bang wie, dat Troelstra der as triomfator útkomme soe, as it ta in proses tsjin him kaam, mar de Minister woe, dat der in ein kaam oan alle agitaasje en hie it beslút nommen in ferfolging tsjin Piter yn te stellen yn De Haach. De freugde om de frijspraak hie net lang duorre. It Iepenbier Ministearje hie ferline jier berop oantekene en sa wie Piter op 12 oktober dochs noch feroardiele ta in finzenisstraf fan ien moanne. De Hege Rie befêstige it fonnis en fan graasje freegjen, dêr't syn heit op oanstie, hie Piter neat witte wollen. De Hogerhuizen woene ek net lije, dat der in graasjefersyk foar har yntsjinne waard. It rjocht moast oerwinne! Hy focht foar in rjochtfeardige saak en om op sa'n wize feroardiele te wurden wie gjin skande. Heit begriep der wer neat fan. Mei de holle omheech en de noas yn de wyn soe er syn straf oanfurdigje. Hja fûn, dat Piter grut gelyk hie, dat er stean woe foar syn miening. Mar wie it in moanne fan syn libben wurdich? Wa koe witte, hoe'n bytsje tiid him faaks noch mar gund wie? As er no mar net siik waard yn de sel!
Doe't hja safier kommen wie by it opikkerjen fan wat der allegearre foarôf gien wie oan Piter syn straf, fielde se triennen prykjen. No hie se har wer troch har somberste tinzen meislepe litten... Sa mocht se net. Hoe lang sieten de Hogerhuizen no al net ûnskuldich fêst? Dêr yn Ljouwert yn dat aaklik sombere, giele gebou oan it Blokhúsplein? Dêr mocht se wolris oan tinke. Dy harren famylje hie it folle swierder. Hja wie dochs grutsk op har man, dat dy der syn frijheid foar riskeare wollen hie om foar dy ûnskuldige jonges | |
[pagina 170]
| |
pleitsje te kinnen? No dan! It hie in bittere teloarstelling foar him west, dat de famylje úteinlik, doe't it der op oan kaam yn it revyzjeproses, dochs noch in oare advokaat keazen hie, omdat hja Troelstra net alhiel mear fertrouden en tochten, dat er fan syn ferdigening in propagandastik foar syn partij meitsje soe. Dat de widdo Hogerhuis en har dochter him der fan fertochten net alhiel oprjocht te wêzen, hie Piter sear dien. Net ien hie him sa djip yn de saak jûn as hy. De radikale Mr. Zadok van den Bergh oan wa't hja de geunst jûn hiene, hie der neat fan makke. En dat hie Piter noch it slimste muoid. Hoe kaam dat dochs, dat de minsken noch altyd sa erchtinkend wiene? Tochten hja no noch altyd, dat er út eigenbelang hannele? Hy hie dochs yn de ôfrûne jierren wol oars sjen litten! Fansels wie er ambisjeus, oars hie er it safier net brocht. En in bytsje idel wie er ek wol. Hy spile graach op it publyk. As er sukses hie, as er fielde dat er de minsken meinaam mei syn wurden, dan groeide er boppe himsels út. As er him droegen wist troch ‘syn’ arbeiders, dan koe er stikken noch wurch, dat wie sa, mar it gong him altyd om de saak, om de minsken, om de partij. Hoe soe er him no hâlde, sa yn 'e sel, allinne mei himsels, sûnder applaus? Op in poadium trêde er altyd hinne en wer en hie er gâns romte nedich. Hoe soe it gean, as er nei twa trije stappen al wer tsjin in muorre oprûn? Hy koe der wol sljocht fan wurde! De werklikheid lei op 'e nij as in djip en swart gat foar har. Stap der dan út, skeat it troch har hinne en hja hie de koarde fan har peignoir al yn 'e hannen. Meitsje der in ein oan, dan bist fan alles ôf! Hja huvere, de moarnsmantel foel iepen en de kjeld griep har by de hals. Hastich wie se oerein gien. Sa mocht hja net! Wat hie se Piter ûnthjitten? Resolút strúste se de mulbân teplak. Hja soe har einlings ris oanklaaie, de rommel fan it moarnsiten oprêde en dan oan it wurk gean. De klok sloech. Wie it noch mar njoggen oere? Wie Piter echt noch mar in healoere fuort? It like as hie se dêr al in ivichheid foar it rút sitten te drôgjen, somber en iensum. | |
[pagina 171]
| |
4.Wylst hja drok hinne en wer rûn tusken keamer en koken mei breapantsjes en kopkes, betocht se, dat hja it no ris moai oan tiid hie om in âld plan út te fieren. - Hoe faak klage se net, dat hja te min oan har eigen dingen takomme koe? ‘Und uns fehlt nur eine Kleinigkeit, um so frei zu sein, wie die Vögel sind: nur Zeit’. Rigels fan de dichter Richard Dehmel, dy't geregeld by har boppe kamen, as hja it drok hie. No soe se har der dan einlings ris by jaan kinne. Yn De Haach wie se al begûn de ferhalen fan har earste tsjinstfaam, Hiltsje Feenstra, op te skriuwen mei de bedoeling dêr nochris in berneboek fan te meitsjen. Troch de tsjinstuiten mei it Haarlimske hûs en de drokte fan it ferfarren wie it der by bleaun, mar der siet grif Stoffe genôch yn foar in moai boek oer in grutte húshâlding op it Fryske plattelân. Utjouwer Wolters yn Grins hie Ligthart, Cannegieter en har koartlyn frege om de redaksje te foarmjen fan in ‘Geïllustreerde Bibliotheek voor Jongens en Meisjes van 11 tot 14 jaar’. Hja woene in rige boeken útjaan oer de ûnderskate kontreien fan Nederlân, sadat bern út de stêd lêze koene, hoe't har leeftiidgenoaten op it plattelân libben, bern fan tekstylarbeiders yn Twinte, hoe't it bygelyks yn 'e blombolleteelt om en ta gie en sa mear. It idee hie har fuortendaliks oanlutsen en hiel foarsichtich hie se doe al ris tocht, dat hjasels dan miskien wol in skets oer it Fryske arbeiderslibben meitsje koe. Harmke Feenstra, Hiltsje har mem, dat hie se altyd sa'n flinke frou fûn. In echte mem, dy't alles foar har bern oer hie. Hoe soe it no mei Harmke-en-dy wêze? Hja krige der ynienen sin oan om op papier dy memmefiguer stal te jaan. Suver wat senuweftich socht se har âlde oantekeningen byinoar. Mar doe't hja klear siet mei in nij skrift foar har, begûn se dochs wer te twiveljen. Soe se dat wol kinne? It libben fan in frou beskriuwe, dy't hja echt kend hie en foar wa't hja sa'n bewûndering fielde? It kaam wol nei oan! En it wie hiel wat oars as de boeken oer kaffers en eskimo's dy't hja oant dan ta skreaun hie. Dêrfoar hie se te seil gean kinnen | |
[pagina 172]
| |
op wat hja har troch stúdzje eigen makke hie, wylst dit folle mear op gefoel en yntuysje oankaam. En hoe soe Harmke derûnder stean? Soe dy it wol lije wolle, dat har húshâlding model stie? Hja moast yn alle gefallen mar begjinne mei oare nammen te betinken. Hoe soe se Hiltsje bygelyks ris neame? It moast wol in echt Fryske namme wêze en wat pittichs, sadat hja de echte Hiltsje dochs hyltyd wer foar eagen krige ûnder it skriuwen. Hylkje? Wikje? Wytske? Hja preau de nammen, mar net ien wie har alhiel nei 't sin. Wypkje, sei se doe samar lûdop. Ja, Wypkje, dat wie krekt wat se socht hie. It paste hast noch better by dy handige faam as har eigen namme. Wikje wie ek wol fiks, mar Wypkje hie wat bliers, krekt sa't Hiltsje har wêzen west hie yn dy tiid. No de mem... Dy moast in leave namme hawwe. Wat soe hja no ris fan Harmke meitsje? Hanne? Anne? Nee, net freonlik genôch. Hja socht wat sêfters. Antsje? Afke? Ja Afke, dat wie moai, it hearde leaf en dochs wol warber mei dy koarte ‘a’. Afke moast de haadfiguer yn har boek wurde. Hja hie der wille om, dat it har sa krekt kaam, mar hja fûn it echt wichtich, dat har personaazjes nammen krigen dy't pasten by it karakter dat har foar eagen stie. Mem Afke wie har alhiel nei it sin. Sjoerde Afke fan Wergea. Nee, dat doogde wer net. Foar de heit moast se ek wat oars betinke. In moaie manljusnamme. Lykas har eigen heit hie Sjoerd wol in jier of tsien âlder west as syn frou. Soe se Heit ferneame? Albertus Minderts? Poeh, dat koe perfoarst net, sokke dûmnysnammen! Ale dan, nei Omke? Ale' Afke? Nee, dat wie neat. Marten betocht se ynienen. Martens Afke, dat rûn. Piter hie in Omke Marten, dêr't er tige wiis mei wie. Hy hie him yn Flissingen noch wolris opsocht, as er by Wibaut west hie. Yn syn studintetiid hie dy omke, dy't jonger wie as Piter syn heit, wol gauris in goed wurdsje foar him dien. Ien fan de Hogerhuizen wie ek in Marten en harren freon Van de Tempel... Dat wie in echte skrepper, lykas Sjoerd Feenstra ek west hie. Safolle freonlike en fikse manlju..., jawis, hja hold it by Marten en Afke. It begjin fan in boek wie altyd dreech. As hja earst mar in goede iepening hie, dan rûn it fierder fansels wol wat flotter, mar dy earste sin, dat kaam der o sa op oan. Wachtsje ris, hja koe wol begjinne mei it lytse húske te beskriuwen. Dat koe se noch moai krekt foar har krije fan de kearen, dat hja yn Wergea west hie. Wat wie it | |
[pagina 173]
| |
dochs spitich, dat hja sa'n boek as dit no net yn it Frysk skriuwe koe. Mei Hiltsje hie se nea oars praat as yn de memmetaal. Mar it koe net. Yn Fryslân doarsten de útjouwers it net oan en printsje in echt lêsboek foar de bern. It bleau by wat sljochtwei printeboekjespul en by Wolters hoegde hja fansels alhielendal net oan te kommen mei in Frysk manuskript. It soe ek net yn de rige passe. As For Hûs en Hiem der no noch west hie, dan hie it dêr moai yn kinnen as fúljeton. Mar Halbertsma wie fiif jier lyn opholden mei it tydskrift. Kontakt mei oare redaksjes hie se net. Waling Dykstra nochris skriuwe? Dy hie it besocht mei in famyljeblêd, mar hy hie it ek al gau-eftich wer oerjûn. Spitich, mar hja seach gjin oare mooglikheid. Hja moast har oantinkens mar oerbringe yn it Hollânsk, mear wie dêr net fan. Hja begûn: 't Was heel stil in de anders zo drukke kamer. Poes lag te spinnen tussen de geraniums op de vensterbank. Sjoukje, hoe komst dêr no by, ûnderbriek se harsels. Dat it stil wie by Harmke-en-dy yn 'e hûs? Dan mocht der wol wat bysûnders wêze. Mei safolle bern hie it dêr grif net faak stil west. Kaam dat no, omdat it yn har eigen hûs sa stil wie? Sa aaklik stil sûnder Piter... Ho, dêr woe hja no net wer oan tinke, net der tsjinoan skytskoarje: fierder mei it ferhaal! Wannear wie it rêstich by Afke-en-dy? As alle bern nei skoalle wiene en de grutten oan it wurk. Ja, en as der krekt in poppe berne wie, fansels. Goaien, dat wie in aardich idee, dat har dêr ynfoel! Dat soene de lytse lêzers grif spannend fine. Dan koe se aanst moai beskriuwe hoe wiis Afke mei al har bern wie, mei dizze jongste likegoed ek wer, al wie hja eins te earm om goed foar allegearre soargje te kinnen. Wylst hja opskreau wat se betocht hie, bekroep de twifel har al wer. Sa hie it fansels net west. Doe't Hiltsje by har yn tsjinst kommen wie, hie dy har jongste suske al mear as in jier âld west... Mar, horis, as skriuwster mocht se der dochs wol in bern by betinke, as har dat no better útkaam? It wie ek wol sa goed, dat hja net alles krekt sa beskreau, as it west hie. Dan soe se fan de lytse poppe no ek mar in jonkje meitsje. Der wie nei Wytske noch al in bern bykommen, mar dat hie ek wer in famke west, in Aaltsje, as it har net miste. Dy hie sawat tusken Dieuwke en Jelle ynsitten. Doe wist se ynienen samar, hoe't hja it hawwe soe: hja makke fan | |
[pagina 174]
| |
Wytske in jonge en lytse Aaltsje liet se derút, dan wiene der tsien bern, dat wie in moai tal foar in ferhaal. No hie se fuortendaliks ek al in titel: Afke's Tiental! Hja sloech it skrift ticht en skreau mei kreaze letters dy namme op it etiket, bliid om de fynst. It die in soad, hoe't in boek hiet. Fan har boeken oer de kafferbern wie dat mei de spannendste titel fierwei it bêste ferkocht. | |
5.It skriuwen gie har boppe ferwachting linich ôf. Hja wie Haarlim fergetten en krûpte alhiel yn de hûd fan de skriuwster. Doe't hommels de skille gie, waard se heislike kjel. Wat wie dat? Wie der ien by de doar? Hja mocht wol gau hinnegean en sjen, it wie sa'n frjemde dei hjoed. Och, heden, wat hiene hja no? Dêr stie in plysjeman op 'e stoepe mei Jelle en wat seach dy jonge derút! De skrik sloech har om it hert. Hie er in ûngelok hân? ‘Ik bring jo soan mar even thús, mefrou,’ sei de man, ‘hy wie op strjitte deilis mei in pear jonges. Jo moatte him mar wer wat oplaapje, want hy is net alhiel sûnder smertlapen út de striid kommen.’ ‘Och, Jelle, kom gau by Mem, wat is der bard, jonge?’ Hja betanke de plysjeman en naam har soan hastich mei yn 'e hûs. De jonge gûlde deroer fan pine en ellinde. Wylst hja him de stikkene klean útstrûpte en foarsichtich syn gesicht, hannen en knibbels wosk, bekaam er wat en koe er syn ferhaal dwaan. ‘O, Mem, dy rotjonges fan dy rikeljusskoalle fan Hubrechtsen, wit Mem wol, dy smoarge “baffen”, dy stiene my op te wachtsjen by it Kenaupark, om 'e hoeke by ús skoalplein. Ik tocht der net oan, oars wie ik wol in strjitte omrûn, mar ik naam krekt it koartste paad, omdat ik hjoed gau thús wêze woe...’ Hy gûlde al wer. Hja streake him sêft oer it hier. ‘Toe mar Jelle, fertel it mar, Mem begrypt it wol, hja stiene dy op te wachtsjen.’ ‘Ja, se leine gewoan efter de strûken, de lefferts en wit Mem wat se rôpen?’ ‘No?’ ‘Troelstra is in skoaier. Syn heit sit yn de bak. Syn heit is in gemiene dief!’ Hy snokte. Hja waard der ek aaklik fan. De Reindersbuert | |
[pagina 175]
| |
yn Ljouwert skeat it troch har hinne. Sa'n wredens tsjinoer in bern! It wie de âlden har skuld. Dy praten sa oer Piter. Der wie noch neat feroare... Dom, koartsichtich dwaan... ‘Ik waard wol sa kûgelsk, Mem, ik haw har mei myn riem slein, dêr't ik har mar reitsje koe. Mar ik koe har fansels lang net oan. Hja rûnen mei sin tsjin my op, skopten my tsjin 'e fuotten en stompten my yn 'e rêch. Der wiene wol tsien of tolve fan dy beroerdelingen en doe't ik foel, doe koe ik my har hielendal net mear fan it liif hâlde. Gelokkich kaam doe krekt dy plysje deroan. Dy sei ek, dat it gjin manear wie, mei syn allen tsjin ien en doe hat er dy rotsekken fuortstjoerd.’ Jelle naam amper tiid te sykheljen: it ferhaal moast der yn ien kear út, no't er by Mem wie. ‘Ik haw Heit ûnthjitten, dat ik net fjochtsje soe, mar as hja wer begjinne op Heit te skellen, dan slaan ik har de tosken út de bek!’ ‘Ho, ho jonge, bedimje dy, sa kinne wy net. Ik kin dy net kwea-ôf nimme, datst niis fochten hast, omdat dy jonges begûn wiene te slaan en te narjen, mar sa moatte minsken net mei-inoar omgean, dat witst sels ek wol. Dat fjochtsjen op strjitte dêr komt allinne mar ellinde fan, sjoch mar, stikkene klean en kapotte knibbels, wat keapje wy dêrfoar? Kom, ik sil in skjinne lape ophelje foar om dyn earmtakke, dêr bliedt it it slimst, leau ik. Do moatst my ûnthjitte, datst sels gjin strideraasje útlokje silste.’ Jelle hie dapper knikt. ‘Ik wit it wol, Mem, mar as hja wer begjinne, slaan ik werom.’ Doe't er wat bekommen wie en de slimste pine saksearre, hie er har holpen om de tafel ree te meitsjen. En doe't Dieuwke der ek wer wie en hja mei har trijen sieten te iten, like it hast wer in gewoane dei. It barde sa faak, dat Piter der net wie mei iterstiid. | |
6.Middeis besocht se de trie fan it ferhaal wer op te krijen. Hja wist noch, dat hja in pear wike neidat lytse Aaltsje berne wie, by Harm-ke-en-dy op besite west hie. Yn dy tiid hie hjasels yn ferwachting west en drok dwaande de bakerkoer wer ynoarder te meitsjen. Hja hie har der doe o sa oer fernuvere, dat sa'n Harmke alles sa kreas | |
[pagina 176]
| |
foarinoar hie, sûnder dat it folle kostje mocht hie. Omdat de âlde widze skjin tenein wie, hie Sjoerd fan in pear plankjes in kistke timmere foar de poppe en Harmke hie dat hiel kreas oerklaaid mei stof fan in âlde blauwe blomkejurk dy't hjasels Hiltsje alris meijûn hie. Hja hie der echt fan opsjoen, sa'n leaf nestke as dat wurden wie. Oer soks woe se no ek skriuwe. Hja moast sjen litte, wat in frou as Harmke, har Afke dus, allegearre meitsje koe út dingen, dy't oare minsken al ôftanke hiene. Hie hja ek net ris fan har eigen sneinske rok jurkjes foar de famkes makke? Dy suskes fan Hiltsje hiene doe noch in nacht by har útfanhûs west. Dêr siet ek in ferhaal yn. Doe wiene hja jûns yn tsjuster ferdwaald mei har beiden, neidat hja by de bakker west hiene om pipernuten te keapjen. Wiene hja ek troch in plysjeman thús brocht, lykas Jelle niis. Hja koe har wol foarstelle, dat sokke lytse famkes - foar it earst yn 'e stêd - bang west hiene foar sa'n man yn in unifoarm mei glêde knopen en mei in stive pet op. Sels in grutte jonge as Jelle hie noch ûnder de yndruk west fan sa'n ‘martiale’ ferskining. It hie har doe sa moai talike om Hiltsje har suskes ris in skoftke gesellich om har hinne te hawwen en har in bytsje te bedjerren. Thús hiene hja al hoe lyts hja ek noch mar wiene, dochs al har eigen taken en plichten hân. Alle dagen moasten hja nei skoaltiid bygelyks earst tsien toer breidzje, foardat hja boartsje mochten. En net wat moais foar de poppe of sa mei fleurich jern, nee: swarte sokken foar de jonges. Soks hie har oandeard. Sels hie se altyd graach hantwurkje mocht, mar hja hie allinne dingen makke dy't se sels moai fûn, oars hie se der gjin nocht oan. It hie har altyd foldwaning jûn in wurkstik ûnder har hannen groeien te sjen en as hja wat makke foar Piter of foar de bern, dan wie it krekt oft hja wat fan har tagedienens útdrukke koe yn de soarch dy't hja oan har wurk bestege. Hja hie har gefoel meiweefd yn it patroantsje en mei alle stekken fan de borduernulle har leafde befêstige. Hja hie wolris lêzen, dat de jonge fammen yn Noarwegen fan har eigen ljochte frissels de langste hierren meibreiden yn de truien en de moffen dy't se foar har feinten op see makken. Dat soe de manlju krêft jaan en har bine oan de breidsters. Soks wie mar byleauwe fansels, mar hja fûn it idee, dat derefter siet, moai. Wat in skat oan wiisheid wie der dochs te finen yn sokke âlde ferha- | |
[pagina 177]
| |
len! Dêr woe se ek nochris wer mei oan it sammeljen. Hja hie al ris dwaande west alle sankjes, riedselrymkes en knibbeldeuntsjes dy't se noch fan earder koe, op te skriuwen. Mar no earst fierder mei ‘Afke's Tiental’! De hiele middei wie hja drok dwaande mei it ferhaal fan Antsje en Sjutsje dy't útfanhûs giene nei de grutte stêd. Hja hie de famkes Sytske en Boukje neamd en belibbe der wille oan ek harsels meispylje te litten yn it ferhaal. Hja wie in mefrou mei moaie klean oan, dy't jûns mei har man nei de skouboarch gie. Hja glimke, doe't se har wer yn it sin brocht, dat Sjutsje har ferwielen mantel doe ‘sa sêft as brij’ neamd hie. Sokke deftige klean hie se al lang net mear. En wannear soe hja foar it lêst mei Piter nei in útfiering west hawwe? Ieuwen lyn, foar har gefoel. Dochs hiene hja nea, sels doe yn Utert net, sa earm west as Sjoerd en Harmke Feenstra. By har hiene it dûbeltsjes west, mar dêr yn Wergea waard eltse sint, elts nutske omdraaid. Allinne Wierd hie fan it petroaljesuteljen op in kear safolle jild oergarre, dat er foar syn mem in wollene lape keapje kinnen hie foar in waarme skelk. Hja seach dy skrale jonge noch op 'e stoepe stean. Oft syn suster wol efkes meimocht nei de winkel? Letter hie Hiltsje op har masine oan it naaien west. Wierd die gjin lichten. De skelk moast fuortendaliks yninoar set wurde en doe't Hiltsje him klear hie, wie er sûnder boe of ba fuortdraafd nei Wergea ta, nei Mem. En eins hie er sparje wollen foar in harmoanika... Sjoch, dat koe al wer in haadstik wurde. Hja soe hyltyd ien fan de bern as middelpunt kieze, dat joech in moaie ôfwikseling. Hja koe ek wol fertelle fan Jouke, dy't doe't er soldaat wie, ris thúskommen wie mei foar elts in lyts presintsje. Hy hie doe útsteld om de oare deis mei-inoar út te farren te gean, dan soe hy wol foar it iten en drinken foar ûnderweis soargje. Wer in haadstik! Mar dy Jouke wie jong weirekke. De jonge wie yn Ljouwert hommels slim siik wurden. Doe't Sjoerd en Harmke de tynge krigen, wiene se krekt 25 jier troud en hie der besite west. Hy wie al stoarn doe't hja yn de kazerne kamen. Dêr moast se mar net fan skriuwe. Dat soe te pynlik wurde. Mar sa'n dei op in skipke yn it Fryske wetterlân, dêr siet fansels wol in prachtich tafrieltsje yn. Doe't hja ferline simmer op 'e Burgumermar te farren wiene, hiene se mei har fjouweren ek sokke kostlike | |
[pagina 178]
| |
dagen hân. De sinne dy't de opspattende wetterdrippen fûnkelje liet as skitterstientsjes, it lûd fan de weagen tsjin it boat as der in oar skip lâns kaam en al dy fleurige minsken op it wetter, dy't songen en wille makken. Hja koe har ‘Sjoerd Alles’ goed foarstelle mei syn ploechje op in âld skouke tusken de djoere syljachten fan de stedlju. Hja moast it mar sa ploaie, dat Jouke net neamd waard. Fan de âldste jonge koe se likegoed in soldaat meitsje, dy't mei in ponkje fol jild thúskaam.
Yn de dagen dêrnei siet se geregeld ta de nacht út te skriuwen. Hja hie der gjin wurk fan. It iene nei it oare ferhaal fan Hiltsje wie har wer yn it sin kommen. Hja besefte ynienen, dat hja yn har eigen earmoed en fertriet Harmke har foarbyld altyd foar eagen hâlden hie. Sa't Harmke wie, sa hearde in echte mem te wêzen! It byld fan dat ienfâldige wyfke, hie se yn it herte meidroegen al dy jierren troch. En gauris hie se it gefoel hân, dat hja - by Harmke Feenstra ferlike - sels pynlik te koart skeat yn memmeleafde. Hja koe minder goed mei in fleurich sin offers bringe. Moasten jo dan earst sa earm wêze om net mear selssuchtich te wêzen? Sjoukje, no net begjinne te dwepen! Do meist suver wol oppasse, datst fan Afke net in ûnwierskynlik froed minske makkest. Der mankearde oan Sjoerde Harmke ek wol wat. It wie, om mar wat te neamen, hielendal gjin sêfte mem. Lykas de measte Friezen koe se mar min har gefoelens uterje en as hja ris ûnrjochtfeardich west hie tsjin ien fan de bern, dan koe se dat min tajaan. Allegear wier, mar dochs wie it in prachtminske! Under it skriuwen waard har bewûndering noch aloan grutter. Net earder wie se sa opgien yn in boek. Doe't it Dieuwke har jierdei wie en der wat famkes út de klasse op besite kamen, hie se har suver mar wat wrantelich field, omdat hja dy deis net avensearje koe mei ‘Afke’. Hja libbe ûnder it skriuwen op in oar plak. As de bern út skoalle kamen, moast hja har mei geweld losskuorre út Fryslân. ‘Wat is Mem ôfwêzich,’ sei Jelle op in kear. ‘Harket Mem eins wol?’ ‘Ja wis al, jonge, fansels wol.’ Mar yn werklikheid hie se op dat stuit better witten, wat Jetse fan Martens Afke sei tsjin âlde Meint, as wat har eigen soan har niiskrekt ferteld hie. De hiele dei troch hie se it boek by har. As hja yn de koken dwaan- | |
[pagina 179]
| |
de wie, stie Afke yn 'e brij te rieren en as hja oan it bêdopmeitsjen wie, seach se de âlderwetske bedsteden yn it lytse húske yn Wergea foar har mei de tinne, âlde tekkens en de bûnte kessenslopen. Ungemurken wie der gâns fan harsels yn it boek kommen. Al har leafde en soarch hie se deryn útsein. Hja wist eins net oft hja it sa noch wol printsje litte woe.
De tiid fleach foarby ûnder it skriuwen en op in middei betrape se harsels derop, dat it har suver noflik wie, dat Piter net thúskomme soe tsjin bêdgongerstiid. No koe er har ek net ferwite, dat hja de húshâlding ferwaarloazge en te folle tiid fergriemde oan har eigen dingen. Hja skamme har deroer, dat hja sa tocht, mar dochs hie se dat gefoel fan ûnferwachte frijheid net ûntkenne kinnen. Har eigen wurk wie folle mear as in byfertsjinste wurden. Mear ek as in sosjaal-demokratyske bydrage oan de berneliteratuer. Hja hie ûntdutsen, dat hja har uterje koe sûnder algeduerigen nei te tinken oft it wol goed wie, wat hja die. Wylst hja dêr siet en har tinzen stal joech, wie se befrijd fan alle soargen. Dat soe se har net mear ôfkrije litte. Fan Piter net, fan nimmen net! |
|