De oare helte
(1997)–Tineke J. Steenmeijer-Wielenga– Auteursrechtelijk beschermdNynke fan Hichtum, de frou fan Piter Jelles
[pagina 128]
| |
(1926)Efternei besjoen hie it wol ien fan harren domste setten west om noch in hûs te keapjen, wylst hja gjin jild en mar amper mear ynkomsten hân hiene. De skulden dy't hja meitsje moatten hiene om yn in geryfliker hûs wenje te kinnen, hiene har noch lange jierren hjitfolge, wylst hja úteinlik mar in goed jier oan de Reindersbuert wenne hiene. It hie it iennichste skoft west yn harren trouwen, dat hja in eigen hûs hiene, mar hja bewarre der eins allinne mar minne oantinkens oan. De sykte, dêr't sûnt de berte fan Jelle al symptoamen fan te fernimmen west hiene, hie har úteinlik folslein yn 'e macht krige. Mei har lichaamlik ûngemak hie se op 'en doer wol leard te libjen, mar mei de holle hie se it net foar inoar hâlde kinnen troch alle drama's dy't hja dêr oerhinne noch belibbe hiene yn Ljouwert en dat wie folle slimmer. Simmer en hjerst fan 1892, wat in aaklike dingen hiene se doe meimakke. It hie de drôvichste tiid fan har libben west. | |
1.Neidat hja sels mei geweld bedrige wie yn it eigen hûs, hie se gjin rêstich momint mear hân. Hja sliepte tige min en yn har dreamen waard se alweroan pleage fan jonges dy't kweawillich en dûm stiennen smieten troch de ruten fan harren nij hûs. Hja raasden wol sa ûnhuer, dat hja - sljocht fan eangst - dan mei Jelle en Dieuwke de strjitte op flechte. Dêr bedarre se steefêst tusken plysjes en soldaten. En hyltyd wie dêr dy grutte swarte hynst wer dy't op har ôf fjouwerjen kaam! Yn sokke dreamen wie Piter der wol - hja hie syn oanwêzigens fiele kinnen - mar hy stie altyd in ein fierderop te redendielen middenmank in kloft opteine minsken en fernaam net iens, hokker gefaren syn bern bedrigen. Dat gefoel fan ferlittenens, fan der folslein allinne foar te stean, hie dy dreamen sa benearjend makke. Hja koe net útnaaie, de bern hon- | |
[pagina 129]
| |
gen har om 'e hals en oan 'e rokken. Gjin foet hie se fersette kinnen en hja koe Piter net beroppe. Soms skrok se wekker fan in gjalp dy't se sels yn 'e sliep jûn hie en as hja dan nei stoef prakkesearjen yn it tsjuster fan de sliepkeamer wer wist, wêr't se wie en dat hja alles mar dreamd hie, dan duorre it noch gâns in skoft, ear't hja ek har sykheljen wer wat ûnder kontrôle hie. Sokke eangsten besetten har op it lêst hast alle nachten. It hert sloech har yn 'e kiel en hja krige, as se har mar justjes ferweegde, wer krampen yn it gesicht, lykas hja oan de Nijstêd hân hie by it treprinnen. Wylst Piter ûnskuldich njonken har lei en fan de wrâld net ôf wist, wie hja ferlegen fan 'e pine en dan woe se him dochs net wekker meitsje. Hy kaam altyd let op bêd en sliepte dan as in bargemot. Sa fêst, dat er der neat fan fernaam, dat hja soms heale nachten yn it hûs omspaande en earst tsjin de moarn kâld en ynein wer tsjin him oan krûpte. Trochdat hja mar sa'n bytsje sliep troch de lea krige, fielde se har oerdeis min en altyd ôfgryslik wurch. Hja sleepte har troch de dagen hinne, bliid ta as se jûns einlings wer mei goed fatsoen op bêd krûpe koe. En dêr begûn dan nei in oeremannich fan boaiemleaze sliep de ellinde fannijs. Op 'en doer wie se folslein oerspand rekke, om gjin slimmer wurd te brûken. Hja begûn dingen te sjen dy't der net wêze koene, fizioenen fol driging en eangst. Op in moarn, doe't Piter wer ris fier fan hûs wie by syn freon Wibaut yn Middelburch, moast hja sels besocht hawwe om mei har bleate hannen gleone koaltsjes út de kôkkachel te heljen. Dat hie Antsje alteast letter tsjin de dokter sein. Doe't de faam, alarmearre troch in frjemd stobbeljen yn 'e koken sa ier op 'e dei, ûnder kommen wie en har op 'e knibbels by it iepen kachelsdoarke fûn, hie se frege, wat Mefrou dêr die? ‘Lytse jonge kâld, kâlde fuotsjes, kâlde hantsjes,’ sokssawat moast hja pûlemûlke hawwe, wylst hja yn 'e jiske omklaude. Mei swarte fingers hie se har it hier, dat har wyld om 'e holle hong, besocht út 'e eagen te striken en dat hie har oanblik foar de faam noch benearjender makke. Ferbjustere hie Antsje dokter helle en in tillegram nei Piter stjoere litten, dat er sa gau mooglik thúskomme moast, omdat it Mefrou no alhiel trochrûn. | |
[pagina 130]
| |
It duorre omtrint in dei ear't Piter yn Ljouwert werom wêze koe. Al dy tiid hie Antsje besocht de holle koel te hâlden en it wurk yn de húshâlding safolle mooglik gewoan trochgean te litten. Doe't er lang om let thúskaam, wie de faam har rie folslein tenein. Dokter hie der west om Mefrou de hannen te ferbinen, fertelde se. Dêrnei hiene se har wosken en tegearre op bêd prakkesearre, mar hja koe wier net altyd by Mefrou sitten bliuwe, dat mocht Menhear har net kwea-ôf nimme! De bern wiene fan 'e weromstuit ek oerstjoer en fregen in protte omtinken. Hja moast har wurk dwaan, de wask berêde, iten siede en hja moast der perfoarst ek wolris op út om te boadskipjen. Menhear seach it no sels. It wie langer net fertroud, dat er Mefrou allinne liet.
Fjouwer wike lang hie hja nei dat aksidint swier siik op bêd lein, dwyljend en alhiel yn 'e lytse loege. Piter doarst amper in pear minuten fan har side te wiken. Yn syn wanhoop hie er Pake Bokma de Boer frege, oft dy de bern wol ophelje woe. Sjoukje wie te siik om foar har twatal soargje te kinnen. As hja Piter leauwe moast, dan hie se doe raar op 'e doele west. Sa slim, dat har man bang west hie, dat hja hyltyd fierder by him wei glide soe en úteinlik folslein kranksinnich wurde. Soms hie se praat hân, dat nuver yn it wylde wie, oare dagen like se wolris wat helderder, mar dan wie se wer tige opsternaat of ûntreastber fertrietlik. Hja skynde de moed alhiel f erlern jûn te hawwen en hie oars nearne mear om frege as om de dea. As Piter by har kaam mei wat iten, dan hie se him mei syn blêd nei de koken weromstjoerd mei it boadskip dat er leaver fergift bringe soe.
Dat hjasels letter neat mear fan sokke útfallen witten hie, bewiisde wol, dat it doe dêrboppe by har lang net doogd hie. Hja hie oanhâldend stimmen yn har holle heard en net witten, oft hja it sels wie, dy't sa raar skreaude, of ien dêr't hja gjin macht oer hie. Piter seach hoe't hja lije moast en hy koe har net helpe. Hy wie der slim mismoedich fan wurden. Wat langer wat mear waard it dúdlik, dat hja sa net langer troch earmoedzje koene. De húsdokter hie der ek mei oan west. Der moast yn foarsjoen wurde, foardat der grutter ûngelokken barden. Dit wie folle earnstiger as de swiersettige riten dêr't froulju wol faker trochhinne moasten | |
[pagina 131]
| |
nei in befalling. It duorre him ek fierstente lang en winliken hie it mei de berte fan de jongste al net doogd. Sa't hja doe reagearre hie, dat wie ek lang net normaal!
Heit en Mem hiene fansels ek ûngerêst west. Doe't Piter frege hie, oft Pake de bern ophelje koe, wie har al wol dúdlik wurden, dat it der min foar stie mei harren dochter en doe't hja Heit net iens werkend hie, hie dy alhiel net mear witten, wat er derfan tinke moast. Willem Reilingh hie doe oppere, dat er har syktegefal ris foarlizze soe oan in kunde fan him yn Utert. Fan ûnderskate minsken hie er heard, dat dy dokter sukses hie mei syn behannelingswize fan senuwpasjinten. Doe't Willem mei it ferhaal oer har tastân by dokter Winkler kommen wie, hie dy sein, dat er sa fan fierren fansels gjin diagnoaze stelle koe. Ut âlde freonskip wie er lykwols ree om Reilingh syn skoansuster op te nimmen en in skoftke te observearjen yn syn klinyk. Doe't dat regele wie en Piter har fuortbringe soe, hie se sa fan 'e wize west, dat hja miend hie, dat har man har yn in gesticht opslute litte woe. Hy hie har letter faak ferteld, dat it him ôfgryslik oangrypt hie, dat hja him yn har waan fan soks beskuldige, wylst er dochs it bêste mei har foar hân hie en ynmoedich hope, dat hja yn dat Uterter sikehûs wer better wurde soe.
Hja koe har ynearsten sels net goed yn it sin bringe, hoe't dat doe allegearre om en ta gien wie, mar letter hie se it wol sa likernôch begrepen, omdat dokter Winkler it der tidens de behanneling faak mei har oer hân hie. Hja hie der doe hiel min oan ta west. De earste dagen liet se alles mar oer har hinne komme, mar dêrnei hie se stadichoan wer wat belangstelling toand foar wêr't hja bedarre wie en úteinlik hie hja yn de rêst fan dat fiere sikehûs dochs wol wer wat besleur oer de dingen krige. Dokter Winkler hie in soad mei har praat. By biten en brokken hie hja har doe in byld foarmje kinnen fan hoe wanhopich de tastân wurden wie yn harren jonge húshalding, dêr't hast gjin sint mear ynkaam en dêr't de húsfrou in folsleine hystearika like wurden te wêzen. | |
[pagina 132]
| |
Oer fan alles hie er har befrege. Soms oer dingen dêr't hja net fan leauwe woe, dat dy mei har sykte te krijen hawwe koene. Dingen fan alear, fan har bernejierren, hoe't hja as jongfaam har de takomst yntocht hie, oer harren ferkearingstiid, it libben mei Piter as man en frou. Doe't hja hast wer safier wie, dat hja nei hûs koe, hie se nochris in lang petear hân mei de man dy't har de libbensmoed werom jûn hie. It syktepatroan dat hja fertoande, ynteressearre him, hie er sein, omdat it sa'n dúdlik gefal wie fan lichaamlik lijen, dat feroarsake wie troch geastlike faktoaren, in ferskynsel dêr't de medyske wittenskip stadichoan mear each foar krige. Hy wie der breedút foar sitten gien om noris goed út te lizzen, wat har mankearde. ‘Sjoch, mefrou Troelstra, de ûnderlining hat my leard, dat sûn en siik soms tichte byinoar lizze. Dat is by jo ek sa. As jo josels tenei no mar goed yn acht nimme, hoege jo fan jo hert wier net folle hinder mear te hawwen. No't jo ta rêst kommen binne en wer wat oansterke, binne jo yn wêzen in sûne jonge frou.’ Hy hie lûdop lake: ‘Jawis, in jonge blom ommers noch!’ Mar - en doe seach er al wer earnstich - hja soe dochs ek altyd in pasjinte bliuwe. Hy beskôge har eigentlike kwaal nammentlik as ûngenêslik, omdat hja - hy sei it foar har no mar yn gewoane wurden - omdat hja net yn de werklikheid libbe. Hja hie him doe grif sa feralterearre oansjoen, dat er tocht, dat hja him net leaude, want hy sei: ‘Jo tinke no, dat ik jo net begryp, miskien sels net iens begripe wol, mar dat is net sa, ik wit wol, dat jo jo net oanstelle, sa't de famylje grif wolris tocht hat en faaks ek wolris tsjin jo sein. Nee, de klachten dy't jo hawwe, pleagje jo echt, mar dy komme net sasear fuort út jo lichaamlike tastân as wol út in djippe - miskien sels folslein ûnbewuste - inerlike ûnfrede mei jo bestean en dat komt ek wer, trochdat jo josels net sjogge, sa't jo werklik binne, Mefrou. Faaks komt jo lijen ek noch wol mear út jo karakter fuort as út jo gestel, mar de psychyske situaasje hat der ek in soad mei te krijen.’ Hja hie in gefoel fan wranteligens opkommen field. Hoewol't hja dokter Winkler fan it begjin fan har behanneling ôf wol lije mocht en hja geandewei jit mear fertrouwen yn him krige hie, like er har no wrachtich de gek oanstekke te wollen. Hja soe harsels dochs wol it bêste kenne! | |
[pagina 133]
| |
‘Nee,’ hie er sein, krekt dêr wie hy no net sa wis fan. It wie him opfallen, dat hja tige suggestibel wie en maklik ûnder de ynfloed fan in sterkere persoanlikheid komme koe. No't har bestean troch de omstannichheden frijwat ienlik wurden wie, hie se harsels dingen oanpraat. Fantasije en waantinkbylden wiene twa kanten fan deselde oanlis. Dêrom moast hy har as ûngenêslik siik beskôgje, al soe hja miskien foar it each wol in hiel normaal libben hawwe kinne. Hie hja net altyd al in grutte fantasije hân? O ja, fansels, har fantasije wie ommers in wêzentlik part fan har ferteltalint. Hja hie it mei in gefoel fan grutskens tajûn. It woe har lykwols út noch yn net oan, dat men dêr siik fan wurde koe, sei se. Ferbyldingskrêft wie dochs krekt wat moais om te hawwen? Hja hie it altyd as in jefte beskôge, dat hja de dingen yn in moaier ljocht sjen koe. Dat hja dy eigenskip hie, hie har faak holpen om de swierrichheden dy't der ek yn har bestean út soarte wolris wiene, treast te wêzen. Hja woe net leauwe, dat hja dêrtroch siik wurden wie. ‘Dochs wol,’ sei dokter Winkler; dat hie der grif mei te krijen. Hy hie har goed observearre yn de ôfrûne wiken en konstatearre, dat hja winliken mar in behyplik lyts bytsje selsfertrouwen hie. Der wie sadwaande lang gjin lykwicht tusken har wollen en har kinnen, dêr siet de oast. Hja miende dat hja alles kinne moast en woe fan alles tagelyk wêze. In tankbere dochter, in ideale frou, in perfekte mem en dyjinge yn 'e húshalding dy't alles stjoere koe en om wa't alles draaide en dan ek noch skriuwster en de driuwende krêft efter har man yn syn striid foar in bettere wrâld. Dat wie dochs fierstente folle foar ien minske? Tocht hjasels ek net? Hja miende ta alles by steat wêze te moatten, dêr't oaren fan tochten it oan har tabetrouwe te kinnen en it gefolch hie west, dat hja har taken oplizze litten hie sûnder djip fan binnen it feilige gefoel te hawwen, dat se it ek yn 'e macht hie om wat hja dwaan moast ta in goed ein te bringen. Ambysje en plichtsgefoel hiene har driuwfearren west en net de nocht oan it wurk sels. Soks koe in skoft goed gean, mar hja hie harsels - oer pineholle, wurgens en sliepeleazens hinne - opjage oant der oerspanning op folge wie. Dêr kaam noch by, dat hja, krekt omdat hja gjin selsfertrouwen genôch hie en gjin befrediging yn it wurk sels fûn, fierstente ôfhinklik wurden wie fan de wurdearring fan oaren, benammen fan har man, omdat har man no ienris dejinge wie, foar wa't hja har sa ynspande. Dat doogde net. Hja moast hâld | |
[pagina 134]
| |
by harsels fine en gjin útwrydske dingen wolle. Hja wie gjin Jeanne d'Arc of Florence Nightingale! Tenei moast hja better mei beide fuotten op 'e grûn bliuwe, sa simpel wie syn resept. Koe se dat begripe? Har man hie al in soad oan har, as hja gewoan foar him soarge en mei him meilibbe. Hy wie sels ek gjin hillige en lykas alle normale manlju hie er grif mear ferlet fan in sûne, fleurige frou as fan sa'n minske mei withoe hege aspiraasjes. En hja hie bern. Wêrom soe hja net tefreden wêze kinne mei it gewoane libben fan in frou? Hja moast tajaan, dat de dokter har wol goed sketten hie en dat hja flaters makke hie. Op guon punten hie se it ek echt wol mei syn riddenaasje iens west, mar op oare fielde se har te koart dien. Hy ûnderskatte har krigelens, dy't Piter krekt sa heech hie. Hoe soe er ek weet hawwe fan harren houlik en fan harren idealen? | |
2.Nei har ûntslach út de klinyk wie se earst nei Renkum reizge om by Heit en Mem noch wat fierder op ferhaal te kommen. Hja wie troch har sykte en alles wat dêroan foarôf gien wie fan it gewoane libben ôfwend en moast wer leare Dieuwke en Jelle alle dagen om har hinne te hawwen. Dokter Winkler hie Piter in brief stjoerd, dêr't er sa likernôch op 'e selde wize har kwaal en de oarsaken dêrfan yn beskreaun hie, as er se oan har útlein hie. Piter wie kjel wurden fan it wurd ‘ûngenêslik’, dat him in deafonnis like of op syn minst ‘libbenslang’. Hy hie Winkler frege, oft it - as de saken sa leine - net better wie om mar op te hâlden mei syn politike aktiviteiten? Hy koe grif yn de boargermaatskippij noch wol it ien of oare rêstige baantsje fine, dat him in fêst ynkommen garandearre sûnder de spanningen en de arge- waasje fan it libben dat er de lêste jierren hân hie. Om wille fan syn frou en bern woe er dat offer wol bringe, al soe it in grutte teloarstelling foar him wêze as er de posysje dy't er troch syn úthâldend krewearjen ferovere hie, no wer opjaan moatte soe. De dokter skreau him werom, dat er gjin heil seach yn opofferingen. De pasjinte achte harsels de wiere ynspiratrise fan syn revolúsjonêre ropping, dat hja soe it ek noch as in mislearring fiele as har man om | |
[pagina 135]
| |
har in streek helje moast troch syn plannen. Nee, it wie grif better, dat er mar trochsette en wat makke fan syn ropping. In part fan syn sukses soe dan ommers op syn frou ôfstrielje? Dat wie krekt, dêr't hja ferlet fan hie!
Piter hie der slim mei oan west, koe se wol begripe. Heit stie derop, dat er fuortendaliks doe't hja út it sikehûs wie, ek nei Renkum komme soe om te praten oer de takomst. Hy woe dat net wegerje, mar ynwindich wie er der noch lang net klear foar. It byld fan de deasike frou dy't hystearysk skreaud hie om fergift, koe er noch net kwyt wurde. Hy hie sels leaver de konfrontaasje útstelle wollen, oant hja wer alhiel de âlde wêze soe, mar Heit fûn, dat der sa gau mooglik ôfspraken makke wurde moasten, oer hoe't hja tenei fierder libje soene mei-inoar en mei de bern. Sjoukje moast witte wêr't se har op yn te stellen hie! Hja leaude net, dat har âlden doe ynsjoen hiene, hoe siik oft se werklik west hie en hoe't Piter dêr ûnder te lijen hân hie. Wat knoeid by de befalling, gau wurch, hertklachten, in foarm fan oerspanning mooglik, dêr koene hja har wat by foarstelle. De jonge mem hie in skoftke sa swak west, dat hja help sykje moatten hie, fertelden se oan har kunden, mar no wie hja wer better. Gelokkich mar! Hoe slim oft it echt west hie - harren eigen dochter op 'e râne fan de waansin, in Sjoukje dy't har folslein ôfkeard hie fan man en bern, ja, fan it libben sels, - sa'n tastân wie hast ek net te fetsjen, foar wa't it net meimakke hie. It hie Piter sa kniesd, dat er bang wurden wie fan de frou op wa't er ienris sa fereale west hie. En mei har moast er aanst syn libben wer diele? Hy hie - sa hie er har opbychte - op it stuit, dat er yn Renkum oan- kaam, noch altyd net witten, hoe't er mei de situaasje oan moast. Trochsette mei de propaganda? Earst hie er tocht, dat dat egoïstysk wêze soe. Mar de wurden fan dokter Winkler hiene him oan it twiveljen brocht. Yn de trein hie er hyltyd op 'e nij besocht alles earlik ôf te wagen om ta klearrichheid te kommen, mar hy wie der net útkommen. Oan de iene kant wie er der wol wis fan, dat Heit en Mem it leafst seagen, dat er foar in rêstich bestean keas en syn frou net wer belêstige mei de spanningen fan it wurk yn de Beweging. Hy woe it har âlden graach nei it sin dwaan en dochs, hy woe syn | |
[pagina 136]
| |
Sjoukje ek bittere graach de teloarstelling besparje, dy't Winkler foarseach.
Dat moat doe in fertrietlik petear west hawwe tusken Piter en Heit. Beppe sliepte middeis nei iten altyd in oerke en doe't hjasels ek nei boppen gien wie om te rêsten, hie Heit Piter yn syn studearkeamer ûntbean. Efternei hie se har nea begripe kinnen, dat dy beide mannen miend hiene, folslein bûten har om besteuterje te kinnen oer har takomst. Om wa gong it no eins? Heit en Piter mienden it har, elts op har eigen wize, fansels och sa goed, mar hja hiene wakker ûngelyk tsjin har tastân oansjoen. ‘Asto kieze wolst foar dyn politike karriêre, Piter,’ hat Heit sein, ‘dan kinne Sjoukje en de bern hjir wol bliuwe. Mem en ik wolle har wol wer by ús opnimme en in thús biede. Dan hasto de hannen fierder frij.’ Piter smiet dat fier fuort. Hy woe dêr gjin praat fan hearre. Hoe kaam Heit derby? It soe net yn him opkomme om syn frou yn 'e steek te litten. Hy woe wol ûnthjitte har safolle mooglik te ûntsjen, mar hja hearden sûnt hja inoar fûn hiene, foargoed byinoar. Sjoukje har plak wie yn Ljouwert njonken har man. Doe't er har dat fertelde, hie se har slim tankber field. Hja soe tenei noch better har bêst foar him dwaan!
Yn de lette hjerst fan 1892 hie Piter har wer thúshelle. Der wie in nij tiidrek oanbrutsen yn harren houlik. | |
3.Sa't se ferwachtsje kinnen hie, siet Piter nettsjinsteande syn goede foarnimmens al gau wer op kop en earen yn it wurk. Hy wie bliid de beskikking te hawwen oer in eigen krante, omdat er dêrtroch faaks op 'en doer in mooglikheid hawwe soe om út Fryslân wei te kommen. Mei yngong fan 1893 feroare er de namme fan de Sneeker Courant yn De Nieuwe Tijd om it blêd alfêst in minder provinsjaal karakter te jaan. Hy seach hyltyd better de grutte propagandistyske mooglikheden. | |
[pagina 137]
| |
Finansjeel waard dy krante lykwols de safolste ôfdijer. In honorarium foar de redakteur siet der, hoewol't him dat tasein wie, net oan. Mei't der wer ferkiezings op komst wiene, wie it in bannige en emosjonele tiid. Piter syn heit tinge dat jier mei nei in kandidaatstelling troch de Liberale Kiesvereniging om foar it distrikt Ljouwert nei de Twadde Keamer ôffurdige te wurden. Yn de Friesche Courant, dêr't er al jierren redakteur fan wie, bestried er de sosjalistyske kandidaten mei in ynset, as moast er de persoanlike teloarstelling útwierje om de kar dy't syn soan makke hie. Piter focht yn De Nieuwe Tijd noch fûleindiger werom. Poutsma naam in kearmannich in sprekbeurt foar him waar - dan koe Piter jûns by har bliuwe - mar de Snitser miste sawol de takt as de nedige selsbehearsking en sei it op in kear sa mâl op, dat er oppakt waard en oanklage fanwegen stokeljen ûnder de arbeiders. Piter moast doe de ferdigening fan syn útjouwer op him nimme. Hy skreau in brosjuere oer Poutsma syn gefal en oer oare rjochtsaken tsjin sosjalisten dy't boppe mjitte swier straft wiene foar navenant lytse fergripen. Wibaut woe gelokkich wol foar de kosten stean. Dy ferwachte foar de propaganda in soad fan dat boekje, dat Piter de titel Moderne Ketters meijûn hie. It ûnrjocht dat er dêryn beskreau, wie sa apert: justysje besocht de arbeiders op te setten tsjin har lieders! Soks wurke fansels earslings. De finzenen waarden beskôge as martelders foar de goede saak en de Beweging woeks tsjin de ferdrukking yn. Yn syn pleitrede foar twa Appelskeaster arbeiders beskuldige Piter de rjochterlike macht derfan ûnevenredich swiere straffen út te dielen út eigenbelang. De besittende klasse wie tsjinne mei rêst en oarder. De arbeiders hiene neat te ferliezen as har frijheid! ‘Mar wit goed, foar eltse sosjalist dy't troch jimme bûten gefjocht steld wurdt en efter de traaljes bedarret, sille fiif oaren opstean, noch reader as hy,’ hie har ‘reade advokaat’ yn Ljouwert hertstochtlik útroppen, doe't de saak yn heger berop foar it gerjochsthôf tsjinne. Piter die mei gloede thús ferslach fan sokke aksjes en hja bewûndere him en alles wat er die alle kearen mear. Syn reputaasje as advokaat fan de arbeiders makke him populêr as propagandist. Hy wie faak fuort te sprekken en kaam sadwaande mei hyltyd mear minsken út de arbeidersbeweging yn 'e kunde, ek bûten Fryslân. By ien fan syn besites oan de skriuwer Frank van der Goes yn Amsterdam, dy't er graach yn de redaksje fan syn krante | |
[pagina 138]
| |
helje woe, hie er doe Constant Bleckmann moete, in jonge jurist mei sokke útsprutsen reade sympatyen dat it him - sa hiet it doe alteast - net slagje woe yn Hollân in praktyk op te bouwen. Piter stelde him út in assosjaasje oan te gean, dêr't Bleckmann him by ynkeapje koe yn syn eigen advokatepraktyk. Hy hie doe noch de yllúzje, dat it finansjeel folle better gean soe, as der mar ien wie om syn saken waar te nimmen as hysels foar de Beweging op 'en paad wie. Mar hy fergeat dêrby, dat dy Bleckmann folslein ûnbekend wie yn Ljouwert en him earst noch hielendal ynwurkje moast. Al gau die bliken, dat de Amsterdammer dat net fan doel wie. Hy koe net aardzje yn it Noarden! En dat lei fansels oan de Friezen, net oan him! Har wie it nei in skoftke wol dúdlik wurden, dat dy sweeslaander syn karakter en syn egosintryske ynstelling - ek yn Hollân al - mear tsjin hân hie as syn politike oertsjûging, mar dat wie fansels praat efternei! Bleckmann woe domwei gjin rekken hâlde mei de pleatslike omstannichheden en ferhâldingen en hy briek oan ‘goodwill’ yn koarte tiid mear ôf, as Piter yn fjouwer lange jierren opbouwe kinnen hie. It like de assosjee, nei't er it spul in skoftsje troch it gat sjoen hie, dan ek helte better ta en bring it kantoar mar nei Amsterdam oer. Piter hie dêr wol earen nei. Sokke tastannen as mei de besite fan de Keninginnen hiene se gelokkich net wer hân, mar hja fernamen de fijannichheid fan de minsken yn Ljouwert alle dagen pynliker. Minsken mei wa't hja foarhinne freonskiplik omgien wiene, rûnen har no sûnder te groetsjen foarby en Piter krige op syn kantoar geregeldwei anonime brieven fol misledigingen en bedrigingen. Hjasels fielde har ek net mear op har gemak yn de stêd. Alde kunde kearde har de rêch ta, as hja har tafallich moete op strjitte en by skoanheit mochten hja net iens mear oan hûs komme. Op 't lêst doarst se hast de doar net mear út en as hja allinne thús wie, siet se altyd yn noed, dat ien fan dy briefskriuwers syn drigeminten oan Piter syn adres útfiere soe. Alle kearen dat hy de provinsje yn wie of earne yn it lân optrede moast, wie se bang. Noch dúdliker as in jier tefoaren wisten hja doe beide, dat der feroaring komme moast. It soe it bêste wol wêze en fier Bleckmann syn plan dan mar út. Der wiene lykwols earst noch in protte saken dy't ôfdien wurde | |
[pagina 139]
| |
moasten, dat it waard maaie 1893, foardat Piter en syn assosjee ôfsette koene nei Amsterdam. Hja namen ek Marten van de Tempel mei, de pleechsoan fan de âlde Zandstra, in tige fertroud meiwurker fan de krante. Sels wie hja doe yn july folge mei Antsje en de bern. It wie foar allegear in opluchting it heitelân farwol sizze te kinnen! It nije hûs oan de Reindersbuert moasten se mei grut ferlies fan de hân dwaan. Piter sei, dat der oars neat opsiet as syn heit te freegjen om har te helpen om wer út de skulden te kommen. | |
4.As ferslachjouwer foar De Amsterdammer koe Piter yn augustus fan dat jier it ynternasjonale sosjalistyske kongres yn Zürich bywenje. Hy griep alle mooglikheden oan om út syn warberens foar de Beweging in krom fertsjinst foar syn húshâlding te heljen. Hja wist, hoe't er syn bêst die, der wer wat boppe-op te kommen, mar dochs moast se, doe't er wer thúskaam, sizze, dat hja no alderearst mei him prate woe, omdat it sa echt net langer koe mei de sinten. Mei gjin mooglikheid krige se de eintsjes mear oaninoar, hoe deun se ek wurden wie ûnderwilens. Yn uterste need hie hja, wylst hy yn it bûtenlân wie, de skoansusters yn Ljouwert in brief skreaun, dêr't se yn bekend hie net mear te witten, hoe't se sels mar de alderneedsaaklikste boadskippen betelje moast. By wize fan antwurd wie der in brief fan Piter syn heit weromkommen mei in postwiksel fan ƒ25 deryn, sadat hja alteast wer wat iten yn 'e hûs helje koe, mar fierder woe skoanheit net gean. Piter hie him sels yn it ûnleech holpen, skreau er. Hy moast mar sjen, dat er dêr wer útkaam. Dat er him ferskûle efter de tastân fan syn frou wie it safolste bewiis fan syn leffens. Hy soe einlings ris in keardel útmeitsje moatte! As er syn dwylsinnich gefjocht tsjin de maatskippij en de besittende klasse staakte, as er ophold fan swetsen en einlings ris oan it wurk gie, dan koe er mei syn talinten en de mooglikheden dy't him bean wiene, maklik by steat achte wurde syn earste plichten nei te kommen. Sels as Piter fallyt ferklearre wurde soe, wie Heit net fan doel om by te springen, ek al soe soks in grutte skande foar de famylje betsjutte! | |
[pagina 140]
| |
Hja hie der slim om gûle moatten, doe't hja dat brief lêzen hie, mar Piter reagearre grimmitich. Heit koe dochs wrachtich wol begripe, dat er destiids út bittere needsaak frege hie om it ferlies, dat er op de ferkeap fan it hûs yn Ljouwert nimme moatten hie, by te passen. Hy hie op dat stuit wol alderminst ferlet fan skampere ferwiten. It wie dochs wier, dat hja doe om har sûnens ferhúzje moatten hiene... It soe foar Heit ommers mar in lytse muoite wêze en stypje har yn it reedlike. Hy wenne dêr yn Ljouwert yn in kast fan in hûs en wie ryk genôch! Letter wie it jild dochs foar de bern! Hy woe foar syn broer en susters oer wol in skuldbekentenis tekenje. Ferdomme, it wetter stie him oan de lippen ta. De doar sloech mei in klap efter him ticht, wylst er mei nidige stappen nei boppen rûn om de papiereboel út 'e koffer te heljen, dy't er brûke moast foar it kongresferslach.
‘Hoe kin dat no,’ frege hja de jûns, doe't Piter al skriuwend oer wat er yn Zürich belibbe hie, wer wat ta himsels kommen wie. ‘Bleckmann en do wiene der dochs wis fan, dat it better gean soe as wy mar ienris út Ljouwert wei wiene?’ ‘Och, Sjoukje, alles wierret my tsjin en it liket wol, dat eltsenien my dwers sitte wol. Dy hiele ferhuzing is ien grutte ôfdijer wurden oant no ta!’ ‘Hoesa?’ ‘No, om te begjinnen haw ik folle mear kosten meitsje moatten, as wy winliken drage koene. Ik haw yn it sintrum fan de stêd in kantoar hiere moatten, dat grut genôch is foar de redaksje en de administraasje fan de krante en tagelyk ek noch foar in dûbelde advokatepraktyk. Mar dy hiele assosjaasje hat ien grut fersin west. No hat Constant my nota bene wer in konfrater op 'e hals stjoerd, omdat ik him de ynkeapsom net werom betelje kin.’ ‘Mar do hiest de praktyk opboud, it wie dochs logysk, dat Bleckmann der foar betelje moast om him mei dy assosjearje te kinnen?’ ‘Yn Ljouwert wol ja, mar hy hâldt no út, dat dat yn Amsterdam net mear opgiet en dêr hat er ek wol gelyk oan, mar ik kin him ienfâldichwei it jild net werombetelje, ik haw gjin sint mear, it binne allegear ûnbetelle rekkens en skulden!’ Nidich wiisde er nei it nûmer fan de krante dy't yn syn ôfwêzigens útkommen wie. ‘En dan dy Hessel Poutsma, dy docht ek oars neat as krimmenearje. Hy is lilk, | |
[pagina 141]
| |
omdat ik syn krante, hearst wol, syn krante nei Amsterdam oerbrocht ha en no as sosjalistysk wykblêd útbring ûnder in nije namme. De Sneeker Courant, wêr liket dat op? Dat koe dochs hielendal net yn Hollân, dat soe sa'n man dochs begripe moatte! En dat ik Kenther yn tsjinst nommen haw foar de administraasje, doe't hy yn de finzenis siet, dat hie ek net mocht en hy wol jild sjen, omdat er úthâldt, dat ik syn fersekeringspreemje net op 'e tiid betelle haw, wylst ik him ûnthjitten hie syn saken waarnimme te sillen, salang as hy fêst siet. Och Sjoukje, it giet allegearre like beroerd. Ik hie hope einlings fan de konflikten mei Domela Nieuwenhuis ferlost te wêzen, mar dy sit my noch altyd dwers dêr't er mar kin, omdat er fynt, dat ik him no wer yn Amsterdam ûnearlike konkurrinsje oandoch. By guon gearkomsten steane syn mantsjes my al by de doar fan de seal op te wachtsjen. Mar ik wol gjin geweld, ik haw it altyd noch mei de mûle ôfkinnen! Ik haw dy dat nea fertelle wollen, mar ik bin soms mar bliid, dat der ek oan ús kant in pear gewante keardels binne, dy't ree binne de fûsten te brûken as it krijen wurdt. Wêrom tochtst, dat ik foar dy en de bern in hûs yn Nieuweramstel hierd haw? Ien stik ekstra kosten, mar ik wol jimme net wer bleatstelle oan skelpartijen en bedrigingen. Dy anargisten steane nearne foar!’ Hja wie kjel wurden: har jildsoargen wiene dus lang it slimste noch net. ‘O, Piter,’ sei se, ‘hoe moat it no fierder mei ús komme? Moatte wy wer ferhúzje? Ik wol wol wer boppe it kantoar wenje, hear, it giet no dochs wer goed mei my?’ ‘Och nee, ju, ik hie dy hjir ek bûten hâlde moatten, do moatst dyn rêst hâlde. Ik hoopje, dat ik mei Bleckmann in skikking treffe kin, op sa'n wize dat myn skuld omset wurdt yn in rinteleaze liening. As wy dan letter wer ris wat jild om hannen hawwe, kin ik mei sa min mooglik spul fan him ôfkomme. It hie noait wêze moatten mei dy assosjaasje. God, wat is dy man my ôffallen! It is syn eigen skuld mei, dat it min giet mei de praktyk en dan sa ûnmeilydsum syn jild opeaskje! Ik haw Wibaut frege om nochris by te springen en de âlde skulden by de printer yn Ljouwert foar syn rekken te nimmen. Dy is ree my nochris te helpen. Wibaut is alteast noch in echte meistanner dy't syn kaptaal wol oansprekke wol foar it goede doel! Mar dat Heit no wer sa hurd tsjin my útfalt en ús net wat skewiele wol, dat falt my ôfgryslik ôf. Ik haw yn Grins ek noch altyd skulden, dy't er | |
[pagina 142]
| |
nea betelje wollen hat. Sjoukje, leave, ik wol echt, datsto hjir yn Nieuweramstel bliuwst mei de bern, mar freegje my net hoe't it moat, ik kin net langer it iene gat mei it oare stopje, wy moatte mar sjen, dat wy wat meubels ferkeapje. Ik kin oars neat mear betinke.’ | |
5.Doe't Piter de oare deis nei Amsterdam ôfset wie, nei syn kantoar, hie hja fertrietlik troch it hûs doarme en mei mear omtinken as oars nei har besittingen sjoen. Hja hong oan har guod, tocht se, it wie mar sa't it wie. Tûzenen minsken wennen minder moai en wiene dochs lokkich en tefreden. Hja woe wol, dat hja minder om materiële saken joech, mar hja hie no ien kear in sin by de measte fan har dingen. Fansels, der wie wol wat by, dat hja net mear brûke hoegden. Widze, rinstek en bernewein koene se wol misse - mear bern mocht hja perfoarst net krije, hie dokter sein - mar soks as it moaie mahoanje- houten sliepkeamer-ameublemint mei de grutte linnenkast en har kaptafel? Hja streake der mei de hân oer as wiene it libbene wêzens. Dêr koe se dochs gjin ôfstân fan dwaan? Dat hiene se mei harren trouwen krige. Wat soene har âlden derfan fine, as hja fertelde, dat hja dat ferkwânsele hiene? Mar kom, hja moast flink wêze, as it no echt net oars koe? Hja sliepten der fansels like goed om, as se yn in sljochtwei ledikant leine. Wat soe soks opbringe kinne? Har meubels wiene no omtrint al fiif jier brûkt en nei trije ferhuzingen wiene se hjir en dêr ek al wat skansearre. Hja fielde oer de krassen yn it hout fan de spegellist, dy't der mei wriuwen en poetsen net mear út te krijen wiene. Och, sa't it spul der no bystie, krigen se der grif ek net folle mear foar. Ferromme troch dat ferlechje hie se de hân nochris leafdefol gean litten oer de sierlik útsniene krollen oan it hollenein fan it ledikant. Dieuwke en Jelle wiene beide berne yn dat bêd. Doe seach se nei har sekretêre. Echt antyk! Om oan te wurkjen net iens sa gaadlik, fansels, mar it wie alwer sa: hja hie der in sin by. ‘No silst wol in protte leafdesbrieven krije,’ hie Omke Ale sein by de ferloving, mei dat spesjale glimke fan him, dat har bliid en tage- | |
[pagina 143]
| |
lyk ferlegen makke. Mei in plechtich gebeart hie er har it kaike fan it geheime laadsje oerlange en doe har hân ticht dien mei sines der om ta. Hja fielde it noch. Omke hie har hân altyd justjes langer beethâlden as har noflik wie. Op datselde nutehouten blêd hie se tsientallen brieven oan Piter skreaun foar harren trouwen. En sines sieten noch altyd yn it geheime laad, mei de fersen dy't er doe foar har makke hie. Sa'n sekretêre koe se dochs ek net ferkeapje? Hja soe Omke net wer ûnder eagen komme doare. Hy wie al sa iensum sûnt Muoike Hinke sa hommels ferstoarn wie, ferline jier. Soe hja hím net om jild freegje kinne? Hy soe har grif graach wat tastopje wolle. Eat yn har warskôge har lykwols, dat Piter dat net lije wolle soe, hy woe ommers ek net, dat hja har âlden nochris om help frege en sels woe se winliken ek gjin ferplichtings hawwe oan Omke Ale. Hja socht om oare dingen dy't se faaks wol misse koe. De sieraden? Hja hie wol wat moai goud- en sulverguod. Hoeden krige se it kistke út it laad fan it nachtkastke. Op swart fluwiel leine dêr har juwielen. Sok spul hold altyd syn wearde, al wie it ek jierrenlang droegen. Mar der ôfsjen? Hja hie even oan it gouden spjeldsje op har jurk fiele moatten dat hja hast alle dagen op hie. Dat hie noch fan Piter syn mem west. Pake Jelle hie it har jûn, doe't hja foar it earst by Piter thús west hie. Sa klibben der oan elts sieraad dierbere oantinkens. Har moai klokje hie se krige, doe't hja fan skoalle kommen wie. Der lei ek noch in rinkje mei in blau stientsje, dat fan Muoike Sjoukje west hie. Dat woe hja ek perfoarst hâlde. It bloedkralen snoer mei it grutte slot fan beppe Bokma de Boer wie foar Dieuwke ornearre. Mem hie har genamt by de berte al in pear earmbantsjes jûn mei kapittelstokjes dy't dêrby pasten. Sjoch, yn dat aparte fekje leine de moaie gitten yn goud dy't fan Muoike Hinke west hiene. Dy wiene navenant noch nij en soene grif djoer west hawwe. Muoike hie se fan Omke krige, doe't hja fjirtich jier troud west hiene en noch gjin moanne letter hie se dy oerhaal hân dêr't hja yn bleaun wie. Hja naam it sieraad út it kistke en liet it swiere snoer troch har fingers gean. Sels hie se dy ketting noch nea om hân, omdat hja it sa'n aaklik idee fûn te pronkjen mei in kado, dat har net takaam. Sa'n oantinken koe se dochs net ferkeapje! Fan Piter syn twadde mem | |
[pagina 144]
| |
hie se by de ferloving in sulveren bûgel krige. Dy lei yn de linnenkast tusken de servetten. It bordueren fan in taske wie der noch nea fan kommen. Wat die se mei in losse bûgel? Neat fansels, mar kostberheden dy't minsken dy't sûnt al ferstoarn wiene, har yn it ferline tabetroud hiene, koe se net samar fuortdwaan. Piter hie in soad boeken dy't er nea wer ynsjen soe. Der leine noch steapels losse nûmers fan For Hûs en Hiem. Soe er dy earst net ris oan jild meitsje kinne? | |
6.‘Wat my no oerkommen is,’ sei Piter op in kear, doe't er út Amsterdam wei thús kaam. ‘Krige ik my dêr ûnferwachts fan 'e middei op kantoar besite fan in my folslein ûnbekende hear! Hy frege de redakteur te sprekken en stelde him foar as Bahlmann, Ignaz Bahlmann, in Nederlânske sakeman dy't yn Dútslân wenne. Ik begriep der neat fan. Hy fertelde, dat er sympatisearre mei de sosjalistyske beweging. Yn Dútslân hie er de partij in kearmannich fan tsjinst wêze kinnen mei in dofke fan syn kaptaal, hy hie Domela Nieuwenhuis ek alris skewield en hy wie no wol ree om my te helpen, sei er, omdat er úteinlik dochs mear seach yn de parlemintêre rjochting. It is hast net te leauwen, Sjoukje. It liket krekt as wankt der no ynienen in nij perspektyf.’ Hy hie har bliid oansjoen, mar skynde ek noch wol wat erchtinkend te wêzen. It oanbod wie sa ûnferwachts, dat it him oerfallen hie. Dy Bahlmann hie sein, dat er Piter syn aktiviteiten al in skoftlang op ôfstân folge hie en dat er wol fertrouwen yn him hie. Piter hie syn earen hast net leauwe kinnen, doe't er dat hearskip sa praten heard hie. It die bliken dat er goed op 'e hichte wie. Syn ideeën wiene faaks wat frjemd foar in soan fan in Roomske tekstylmagnaat, mar wat er oer him sein hie en oer syn posysje yn de Beweging op dat stuit, dat hie perfoarst besteklik praat west. En hy skynde jild by de rûs te hawwen. Nei de ôfwizing fan syn heit woe it Piter hast net oan, dat der in oar wêze soe, dy't àl fidúsje hie yn syn stribjen. Dat makke him hoeden. Wat soe hjir no wer efterwei komme kinne? Hy moast in pear dagen tiid hawwe om it yn him omgean te litten. | |
[pagina 145]
| |
Dêrnei skreau er Bahlmann in lang brief, dêr't er him syn situaasje yn bleatlei sûnder wat benefter te hâlden. Mynhear moast goed begripe, dat er nettsjinsteande al syn goede bedoelingen, syn idealisme en syn talinten neat opbouwe koe, as er net wat earmslach krige. De skulden pleagen him, hy waard mismoedich fan alle tsjinwurking. By wize fan antwurd noege Bahlmann Piter út om op syn kosten nei Kassel ta te kommen om fierder te praten en neiere ôfspraken te meitsjen. It resultaat wie, dat er in rinteleaze liening krige fan ƒ3.000 en by steat steld waard om it kongres fan de Dútske sosjalistyske beweging by te wenjen, dat dat jiers yn Keulen hâlden wurde soe. Hy moast syn eachweid ferromje en ek ynternasjonaal kontakten lizze, hie Bahlmann ornearre.
Trijetûzen gûne like in soad jild, mar hja hiene der fansels gjin mâle sprongen fan meitsje kinnen. Dochs wiene hja de ûnbekende Maecenas ôfgryslik tankber. Hja koene efkes wat rommer sykhelje en hy besparre har de fernedering fan in fallisemint. It wie krekt as hie er de ban dy't oer har libben lein hie, ferbrutsen, want ynienen kamen der nije mooglikheden. Hja hiene noch yn Ljouwert wenne, doe hie Piter him al ris dwaande hâlden mei de maatskiplike situaasje fan de arbeiders dy't by it spoar wurken. It rapport fan syn ûndersyk hie doedestiids nochal wat los makke en krekt neidat Piter út Keulen werom wie, kaam der - tafallich of net - út Utert fan de kant fan de spoarbeämten it fersyk oft Mr. Troelstra ree wie nei de Domstêd te ferfarren om dêr de lieding fan de Beweging op him te nimmen. Hy koe in eigen krante opsette en mei de opbringst dêrfan propagandawurk dwaan. Der leine yn dy stêd mei allegear grutte bedriuwen en nije fabriken grif kânsen om in fikse oanhing te krijen. Piter fielde fuortendaliks in soad foar dat plan. Hy wie yn Amsterdam alwer op in dea spoar rekke. Mei Van der Goes en mei Henri Polak, dy't er ek yn de redaksje fan De Nieuwe Tijd opnommen hie, wie der ûnderwilens al wer safolle ferskil fan miening oer it belied ûntstien, dat it him in ferromming wie de gearwurking beëinigje te kinnen. Yn novimber 1893 kundige er syn ûntslach as redakteur oan. | |
[pagina 146]
| |
In moanne letter ferfearen hja nei de Leidseweg yn Utert. De administrateur Kenther dy't har likefolle tagedien wie as Marten van de Tempel hie it hûs ûnder syn eigen namme hiere moatten, omdat de eigner it 'dy kraalreade Mr. Troelstra' net tafertrouwe woe. De bêste stikken fan it húsrie waarden doe dochs noch ferkocht. Hja ferdigene har sekretêre as gou it har djoerste besit. Piter fernuvere him oer sa'n fûleinigens. Sentimintele oantinkens achte er it praat net wurdich, mar toe dan mar! Gjin opwining, hie dokter sein.
Nei it fredige Nieuweramstel like Utert in wrâldstêd. De Leidseweg lei krekt bûten it âlde sintrum, efter it Sintraal Stasjon. De hiele dei troch wie der lawaai fan foarby ratteljend ferkear tsjin in eftergrûn fan pûstende en hymjende treinen. De húshâlding waard yn ien kear in hiel ein grutter en drokker. Marten wenne dêr by harren yn, lykas Kenther dy't krekt troud wie. It wie in gelok, dat Antsje van der Schaaf noch altiten by har tsjinne en dat hja der in bernefaam by nimme koene om foar de lytskes te soargjen, doe't Kenther syn frou ek noch in bern krige. Hja naam sels in part fan de drokke korrespondinsje foar de nije krante op 'e noed, dy't de namme De Baanbreker krige. Bahlmann hie gelokkich foar de oanrinkosten stean wollen. Ut en troch ferskynde der ek wolris in artikeltsje fan har hân en hja hold Piter syn dokumintaasje wer like trou by, as se dat destiids yn Ljouwert wend west hie. In inkelde kear besocht se nochris wer oft hja as sprekster de saak ek tsjinje koe. Spesjaal foar froulju hie se in stikmannich gearkomsten organisearre om maatskiplike problemen te bepraten, ris in moai boek foar te lêzen en mei-inoar te sjongen, mar sok wurk wie har dochs noch te swier. Hja sliepte der net fan as se soks tariede moast en kaam alle kearen sa dea-ynein thús, dat it har dêrnei dagen koste om wer wat op ferhaal te kommen. Salang't hja noch net sterker wie, koe hja har better mar wat op 'e eftergrûn hâlde. 1893 wie foargoed in jier fol feroaringen, want ek noch yn datselde jier kaam Piter syn broer út Berlyn werom. Dy waard fansels ek leafdefol yn de lytse mienskip oan de Leidseweg opnommen. Durk wie yn Dútslân yn kontakt kommen mei de Beweging en ûnderwilens in oertsjûge sosjaal-demokraat wurden. Mei't er doe ek net mear op help fan syn heit rekkenje hoegde, hie er syn stúdzje foar | |
[pagina 147]
| |
de middelbere akte Dútsk mar ôfbrutsen en dêrjinsen noch in skoftlang besocht mei oersetwurk syn brea te fertsjinjen. Dat wie soberearjen bleaun en troch dy earmoedige libbensomstanniehheden wie Durk yn in minne kondysje rekke. Hy wie lykwols tige striidber en woe graach syn tsjinsten oanbiede. Hy koe foar it nije blêd skriuwe en meihelpe om it út te suteljen. Ynmoedich hie se besocht him wer wat op te wouterjen. Durk wie it lytse bruorke dat hja as bern sa graach hawwe wollen hie en hja bedoar him sa't har susters it har earder dien hiene. Hy wie ûnderwilens ferloofd rekke mei in jonge ûnderwizeres út Ljouwert, Sylvie de Vries. In kreas en aardich frommeske, dat tige muzikaal wie. As hja yn Utert útfanhûs wie, in sneinoer of yn 'e fakânsjes, dan waard der steefêst in bulte songen. Wat wie dat gesellich om sa yn 'e skimerjûn mei-inoar de âlde sangen op te heljen! Dan kaam Piter syn Ny Frysk Lieteboek wer ris iepen en dan klonken de fertroude meidijen troch de keamer yn dat oars troch de drokte fan sa'n grutte húshâlding noch altyd wat ûnwennige hûs: ‘Eala fria Fresena’, ‘Driuw no myn boatsje’, ‘Tinksto jit, tinksto jit?’ en dan, as it al wat letter waard en de bern al hast op bêd moasten: de ‘Widzesang fan it seemanswiif’, ‘Troch seeën skaat en lannen, fier fan it Fryske strân’; it iene liet helle it oare út. En op sokke jûnen giene de tinzen fan Piter en fan Durk ûnwillekeurich dochs út nei it âldershûs, nei de susters yn Ljouwert, nei Heit, iensum âld man, en ta beslút songen se dan syn liet, ‘Jongfolk ha wille’, nûmer twa fan it Lieteboek. | |
7.Al mei al hiene se yn Utert de earste jierren in slim bannige, mar moaie tiid belibbe. De Beweging krige einlings de fuotten ûnder it gat, ek al wiene der noch sterke krêften dy't tsjinwurken. De Roomske tsjerke hie fanâlds in protte macht yn de biskopsstêd en guon wurkjouwers brûkten alle middels dy't hja ta har foldwaan hiene om de arbeiders ta hearrigens te twingen. Der wiene sels bazen by, dy't ferklikkers yn tsjinst hiene en as ien fan har wurknimmers dan sjoen waard by in politike gearkomste, koe er mar oppakke as er net om lyk woe of hy mocht fan de iene op de oare | |
[pagina 148]
| |
dei net mear yn in fabrykswente wenjen bliuwe. By sokke ûntrommingen gie it soms hurd tsjin hurd en it barde geregeld, dat sa'n arbeider dy't fan de iene op de oare dei dien krige hie, mei de hiele húshalding in skoftke by harren yn 'e hûs kaam, oant der wer wurk en in nij ûnderkommen fûn wie. Hja hie it sadwaande drok krige mei it byinoar swyljen fan rêding, klean, tekkens en as it koe ek wat boartersguod foar dy earme berntsjes. Op 'en doer hie se krekt witten, by wa't hja oanklopje koe. Under de boargers wûnen de nije ideeën ek fjild, mar lang net eltsenien doarst der noch iepen foar út te kommen, dat er mei it sosjalisme sympatisearre.
Alle sneintemoarnen krige Piter in groep jonge arbeiders by him, dy't er dan fertelde oer wat sosjalisme en demokrasy ynhold, oer ekonomyske systemen, oer organisaasjemooglikheden en maatskiplike problemen. Wol tweintich fan sokke dissipelen wiene der soms, dy't nei him harken as ferkundige er in nij evangeelje! Dan wie Piter yn syn elemint! As er ien kear oan it wurd wie, wist er fan gjin ophâlden en de manlju hongen him oan 'e lippen. It waarden trouwe meistanners dy't der soms it brekken mei de famylje en spul mei de pastoar foar oer hiene om him te folgjen. De drokte fan dat rûzemoezige húshâlden mei syn hyltyd wikseljende gearstalling koe har net deare; it ferge wol gâns organisaasje, mar dat wie it libben, dêr't hja foar keazen hiene. It wie mear de eangst dy't hja altyd om har man útstie, dy't har libbensmoed ûnderstek die. Sels fertelde Piter har it measte net iens, mar dy jonge manlju dy't sneintemoarns kamen, dy koene it soms net litte en sprek in bytsje op oer wat se allegearre wol net meimakken op har tochten mei Troelstra. ‘Wiesto derby, doe yn Zeist, doe't dy boeren... of yn Stolwijk en lêstendeis yn de Groenekan...? Witst noch wol hoe't de plysje him opwachte, omdat er dat kafee doe net yn mocht? En dy kears dat wy fochten hawwe om wer feilich út dy keppel lilke tsjerkegongers te reitsjen? Dat wie wat, no? In wûnder, dat we dat opret hawwe! Der hiene wol deaden falle kinnen!’ As it goed ôfrûn wie, wiene it moaie ferhalen, mar Piter kaam ek wolris mei stikkene klean, mei bûden en blauwe plakken thús. Soms wie hja sa ûngerêst, dat hja Dieuwke en Jelle de dyk útstjoerde om te sjen, oft Heit der noch net oankaam en as hjasels - út 'e hûs wei - | |
[pagina 149]
| |
Piter syn lang stal dan wer seach om 'e hoeke fan 'e strjitte mei oan eltse hân in bern, dan koe se wol skrieme fan tankberens, dat er wer feilich by har wie. Benammen op sneon as de manlju de merk op it Vreeburg op wiene om mei de krante te suteljen, hie se soms mar min har moed. Piter kaam dan wolris werom mei in hiele kliber opsketten jonges efter him oan, dy't him útskolden en de gek oanstutsen. It wie fansels ek wol ûngewoan, in advokaat, in hear dochs, dy't yn in âld jekker mei in iismûtse oer de earen en wollen katsjewanten oan sa'n hiele middei op strjitte stie te roppen fan: ‘Koopt en leest De Baanbreker, Koopt en leest De Baanbreker!’ Durk hie it har sels ferteld, hoe't de minsken elkoar oanstjitten en nei him wiisden, wylst se mûskoppen: ‘Sjoch, dat is him no, dy fint dy't dêr stiet, sjochst him wol? Dat is no dy Troelstra, dy advokaat út Fryslân, dy't sa read wurden is, dat er syn feilige bestean opjûn hat en no yn 'e kjeld op 'e dyk syn krantsjes stiet te ferkeapjen.’ Om sokke opmerkingen hie Piter dan stille wille. Hy mocht noch altyd graach toanielspylje en hie der nocht oan de froede boargers in bytsje te niteljen. Mei in hiel deftige yntonaasje yn syn lûd rôp er dan nochris fan: ‘Koopt en leest De Baanbreker, Dames en Heren, Koopt en leest De Baanbreker!’ Mei in bûging en in elegante swaai fan syn earm bea er de dames in eksimplaar oan en hy tikke oerdreaun fatsoenlik mei twa fingers oan syn mûtse as har begelieders beskamme in dûbeltsje út de beurs wei fandelen. As Piter har oer soks fertelde, lake er sa útlitten, dat er har oanstuts mei syn opteinens en hja wol meilaitsje moast, mar sels hie se dat op 'e merk stean, noch ôfsjoen fan it gefaar, dochs winliken ek wol wat sjenant achte. Om har hie Piter dat wol oan de oaren oerlitte mocht.
It iennige wat hjasels fierder dwaan koe, wie skriuwe. Skriuwe om de sinnen te fersetten en har net wer te folle troch har eangsten meislepe te litten. En skriuwe om in pear sinten by te fertsjinjen. Gelokkich hie de Utertske útjouwer De Haan dy't de Beweging ek wol tagedien wie, sa út en troch wolris in putsje foar har. Hollânske teksten meitsje by printsjes dy't er yn it bûtenlân kocht hie. It wie | |
[pagina 150]
| |
wurk dat hja graach dwaan mocht en it wie in goede oefening om te learen har ferhaaltsjes yn it Hollânsk te fertellen.
De Beweging woeks yn Utert yn dy jierren oer alle boegen. Der waard in folksgebou stifte dêr't lêzingen en kursussen hâlden wurde koene en der kaam in koar dat de sosjalistyske lieten ynstudearre dy't sa'n machtich wapen wiene op massameetings. De minsken mei wa't hja gearwurke hiene yn dy pionierstiid lykas Dijkman, Ravestein en Diemel wiene freonen foar it libben bleaun. Finansjeel hie it altyd noch skraabjen om 'e kant west. De kosten fan de krante wiene heech. En ek al waard in nûmer goed ferkocht, dan noch bleau der faak mar in bytsje fertsjinst fan oer. De redakteur krige - alwer - gjin fêst salaris. Hja fûn it slim, as se de bern op bêd stjoere moast sûnder dat hja waarm iten hân hiene. Dan smarde se har de jûns mar wer in stik bôle en foar it sliepen gean lies se sokke dagen ekstra lang foar, fleurich bearende dat it moai útkaam, dat hja gjin tiid hoegde te spandearjen oan it itensieden! De bern hiene har wol troch, mar se seurden of klagen nea. Piter hie foar himsels oan in bytsje genôch en hy bekroade him net om it húshâldjild. It koe samar barre, dat er de hiele opbringst fan de sneonsferkeap fan De Baanbreker weijoech oan in kammeraat dy't der noch minder ta siet as hjasels. Doe't in pear oaren foar it ferstân krigen, hoe swier it har soms foel om rûn te kommen, holden hja it fierder foar gewoante en sko op sneontejûn in slúfke mei in pear gûnen deryn ûnder de doar troch. Mei in reade holle fan skamte krige hja sok jild fan 'e matte op om Jelle dêrnei noch gau even efterom nei de winkel ta te stjoeren. No hie se sa graach goeddwaan wollen oan de earme minsken en no moast se fan harren noch jild oannimme! ‘Alle spanningen mije,’ hie dokter destiids yn Ljouwert sein. Hy moast ris witte, hoe't hja libben! | |
8.Stadichoan wie de situaasje feroare en hiene se wer wat in normaler húslik libben krige. Durk en Sylvie trouden yn 1894 en setten har yn | |
[pagina 151]
| |
Amersfoart nei wenjen dêr't in apart kantoar kaam fan De Baanbreker. Marten van de Tempel gie werom nei Ljouwert. It propaganda-blêd smiet dochs te min op om ek him in bestean te jaan. Letter ferhuze Kenther ek noch nei De Haach mei syn jonge húshâlding, dêr't er in sigarewinkel begûn en ek in eigen buro foar de krante opsette. Bahlmann, dy't út en troch ûnferwachts samar wer ris oerkaam, hie ek dêrby wer holpen.
Lanlik sjoen wie de striid yn de Beweging doe op in fûlsten. De spjalting dy't al jierren drige hie tusken de anargisten en de minder radikale sosjalisten like op in stuit ûnûntwynber wurden te wêzen. Yn Dimter waard mei Pinkster 1894 in grutte meeting foar algemien kiesrjocht holden, dêr't 3500 arbeiders op tasetten kamen. Allegear minsken dy't lykas hja it fertrouwen yn de parlemintêre aksje noch net ferlern hiene! Foardat lykwols ta de oprjochting fan in nije organisaasje besletten waard, wachten de demokraten ôf, wat it bûtengewoan kongres dat de Sociaal Democratische Bond fan Domela Nieuwenhuis begjin augustus yn Almelo beiein hie, noch foar mooglikheden ta gear-wurkjen opsmite soe. Hja woene ta it uterste besykje de ienheid te bewarjen, mar doe't Domela en syn minsken plan-út ferklearren it algemien kiesrjocht net mear as in aksjepunt te beskôgjen en tenei alhiel net mear oan ferkiezings meidwaan te sillen, ûndertekenen de foaroanmannen fan de parlemintêre streaming op 12 augustus in oprop om twa wike letter yn Swol gear te kommen om dêr dan dochs in nije partij op te rjochtsjen. Op Piter syn útstel krige dy de namme Sociaal-demokratische Arbeiderspartij in Nederland. Tolve manlju hiene it inisjatyf nommen om de beweging yn nije banen te lieden. Piter waard de earste foarsitter en by har thús kamen dy ‘tolve apostels’ gear om statuten en regleminten te bepraten.
Ien fan de minsken dy't hja sadwaande kennen leard hie, wie Henri van Kol, dy't troud wie mei Nellie Porrey, in ferneamd feministe dy't it blêd De Vrouw oprjochte hie. Har artikels hie se altyd al graach lêzen mocht. Nellie van Kol joech út soarte ek omtinken oan opfiedkundige kwestjes en hja hie útsprutsen ideeën oer it belang fan boeken by it grutbringen fan bern. Op dat punt hiene hja inoar alhiel past. | |
[pagina 152]
| |
Heit hie har, doe't hja noch mar hiel jong wie, al goede boeken te lêzen jûn. Dêr hie se in soad út opstutsen. In boek oer Robinson Crusoë, wist hja har noch yn it sin te bringen en de ferhalen fan Kane oer de ekspedysjes nei de Noardpoal. Letter op kostskoalle hie se in skoftlang dweept mei sentimintele Dútske leafdesromantsjes, mar dat wie mar sa'n goarre. In bytsje ynjûn troch har ferearing foar de kreaze Dútske learares. De ûnechtens stie har no ôfgryslik tsjin, as hja tafallich nochris sa'n boek yn 'e hannen krige. Swiete ferhaaltsjes oer freules dy't troch in ûnbegryplik needlot earm wurden wiene, mar gelokkich rêden waarden út har nearzige bestean troch rike en nommele âldere hearen. Winliken wie soks mar prikeljende lektuer dy't falske emoasjes oprôp en bern op ferkearde gedachten bringe koe. In goed boek moast fris en natuerlik wêze, boeiend om te lêzen likegoed foar de bern as foar de âlden. Net troch te preekjen, mar troch it barren en benammen troch de ôfrin fan it ferhaal moast in skriuwer dúdlik meitsje wat goed en wat ferkeard wie. Bern hiene ferlet fan foarbylden, figueren tsjin wa't se opsjen koene, mar dat moasten beleaven gjin al te romantyske helden wêze. De arbeidersbeweging hie ek ferlet fan sûne lektuer. Troch te lêzen krigen bern ommers in byld fan de maatskippij. Sa koene hja opmerksum makke wurde op wat der ûnrjochtfeardich wie en feroare wurde moast. Krekt de sosjaal-demokraten dy't safolle ferwachten fan de takomst, moasten der foar soargje, dat har bern yn in geast fan foarútgong en hope grut waarden.
Op 'e syk nei krantestikken dy't fan belang wiene foar Piter syn knipselkabinet hie se op in kear yn Die Neue Zeit in nijsgjirrich artikel oer jeugdliteratuer fûn fan de Dútske partijgenoat Karl Kautsky. Dat hie har tige oansprutsen en har fannijs oan it tinken set oer de easken dy't oan berneboeken steld wurde moasten. Kautsky hie oer dat ûnderwerp ek oan it wurd west op it kongres yn Keulen, dat Piter mei stipe fan Bahlmann destiids bywenje kinnen hie. Hy wie dêr persoanlik yn 'e kunde kommen mei de sprekker en briefke no geregeld mei him. Wat soe hja sels ek graach de sfear fan sa'n kongres ris yn har opnimme wolle! Sa'n Kautsky, wat in nijsgjirrich libben hie dy man hân! Berne yn Praach en letter mei Friedrich Engels as dy syn sekretaris nei Londen gien. Engels, dat wie dochs wol ien fan de aldergrutsten! | |
[pagina 153]
| |
Hja hie har jaloersk field op har man doe't dy mei syn ferhalen thúskommen wie. Foar him hiene al dy nammen gesichten krige. En Piter die mar krekt of wie dat hiel gewoan. Soms hie hja echt tocht, dat it revolusjonêre fjoer yn har sa fûl wol brânde as yn Piter. Hy tsjinne syn ideaal troch alle dagen oan konkrete saken te wurkjen; hja koe allinne mar taaste nei wat ûngrypbers dêr't hja har dochs fan meitroaie litte woe. Hie se dan dochs in man wêze moatten? Och nee, ûnsin, hja wie ommers thús op har plak en hie se net in moaie taak yn it grutbringen fan har eigen bern? Dochs stuts it har soms en dan socht se nei wegen om wer wat mear behelle te wurden by de striid dêr't har man him sa folslein oan joech. | |
9.Op in dei wie it har ynfallen, dat hja ophâlde moast fan prakkesearjen en oan de slach gean. Hja koe dochs skriuwe? Der moast in mooglikheid wêze om har talint te brûken foar mear as allinne de eigen krappe húshâldbeurs! As hja mei sa'n man as Kautsky no graach oer de berneliteratuer prate woe, wat lette har dan eins en skriuw him sels ris in brief? Wat er yn Keulen oan 'e oarder steld hie, moast rommere bekendheid krije en syn ideeën soene útwurke wurde moatte. Hja koe him dochs witte litte, dat hja skriuwster wie en graach meiwurkje woe om te berikken, wat hy dêr as ideaal steld hie: in ynternasjonale jeugdbibleteek foar sosjaal-demokratyske bern. Nochris in rige ferantwurde berneboeken te skriuwen yn de geast fan harren striid foar in bettere wrâld, dat wie har dream wurden. Mar ynearsten hie se al bliid west, dat Nellie van Kol wurdearring toande foar har skriuwerij. Trochdat de manlju in soad mei-inoar te krijen hiene, wiene hja as froulju ek alhiel yn 'e kunde kommen. Doe't Nellie yn 1896 mei in ienfâldich bernetydskrift begûn, frege se har om fêst meiwurkster te wurden. Hja seach heech tsjin de nije freondinne op. Nellie hie sa'n soad fan de wrâld sjoen en wie folle better ûnderlein. By har fergelike fielde hja harsels noch in echte begjinnelinge. Nellie fûn har lykwols in knappe fertelster, sei se en doe hie hjasels it fertrouwen dat de | |
[pagina 154]
| |
redaktrise yn har stelde, ek net beskamje wollen. Fertelle, dat hie se ommers eartiids yn Nes al dien foar de bern op 'e buorren en thús yn de grutte koken fan de pastorij, as de fammen sieten te koperpoetsen of simmerdeis bûtendoar op 'e túnbank as se amerfollen beantsjes triedzje moasten om yn te meitsjen? Ferhaal-tsjefertelle wie har altyd maklik ôfgien, mar skriuwe? En dan yn it Nederlânsk? Yn it earstoan hie se ek noch net goed witten, wêr't hja dan wol oer skriuwe soe, mar Nellie rette har oan ris wat oantinkens oan har eigen bernetiid te brûken en doe hie se samar in hiel ferhaal skreaun oer in famke, dat by har muoike yn it noarden fan Fryslân útfanhuze. Hja gie mei har nei It Moddergat om iten en klean te bringen oan earme minsken. Wat dat famke belibbe, koe se sa opskriuwe, omdat hjasels withoefaak mei Mem of mei Jette of Rensia by sokke earme fiskerlju yn 'e hûs west hie. Doe't hja der goed oer op 'e tekst rekke, krige se hast de wat benaude rook fan dampe turf en rikke fisk wer yn 'e noasters. Hja hie ek beskreaun, hoe't dat famke troch grutte jonges pleage waard mei har moaie skuontsjes dêr't hja hyltyd op útglied yn de dridze en doe't hja jûns dat stikje oan har eigen bern foarlies, krige de eangst fan eartiids har hast wer te pakken. Hja fielde de glysterige modder wer ûnder de fuotten en lei hast langút, doe't hja útnaaie woe foar dy bolderbasten op harren grutte klompen. Har lûd hie stûke, omdat de emoasje har oermânsk waard. Jelle seach har ûndersykjend oan en krûpte doe stikem by har op 'e skurte. Hja sloech in earm om him hinne en moast him eefkes tsjin har oantriuwe, sa ryk hie se har ynienen field mei har jonkje. Dieuwke wie ûnderwilens ûngeduldich wurden en lawaaiïch mei har poppeservys oan it boartsjen gien. Eins waard har dochter te grut foar sokke berneferhaaltsjes, hie se tocht. In oare kear soe se ris wat fertelle, dat nijsgjirriger wie foar sa'n skoalfamke as Dieuwke. It skriuwen wie al oan wichtiger foar har wurden en sûnder eigenwiis wêze te wollen hie se al rillegau it gefoel krige, dat hja it sels sa goed wol die as guon oaren. As hja de bern foarlies út bibleteekboeken, foel it har gauris op, dat dy frijwat min wiene. De toan wie soms slim belearjend en it taalgebrûk stiif. By boeken út oare talen wie de oersetting gauris de sloardrige kant neist, as kaam it der foar bern net sa op oan! En dan de ynhâld, dat raasde by tiden ek oan de | |
[pagina 155]
| |
protters! Dieuwke wie op in leeftiid, dat hja niget krige oan ferhalen dy't wat fierder fan hûs spilen, mar wat fertelden guon skriuwers in ûnsin oer minsken yn oare lannen. It wie ien stik heidenen, wylden en barbaren yn dy boeken. It moast dochs mooglik wêze om bern in earlik byld te jaan fan it libben yn oare hoeken fan de wrâld? Nellie makke har paadwiis en sa ûntdiek se, dat yn de Uterter Universiteits Bibliotheek in protte materiaal te finen wie, dat hja foar har eigen wurk goed brûke koe: lochboeken fan seefarders, reisfer-slaggen fan ûntdekkingsreizgers, ferhalen fan sindelingen dy't yn Afrika en yn it Fiere Easten west hiene. Wylst de bern nei skoalle wiene, siet se gauris yn de hege stúdzjeseal. It wie hearlik om dêr te wurkjen tusken studinten en oare lêzers dy't stil ferdjippe wiene yn de boeken. Skriften fol oantekeningen makke se by it bestudearjen fan de gebrûken fan de kaffers yn Afrika. Hja krige der nocht oan om út te finen, hoe't de minsken libben oan frjemde kusten. Hoe't hja wennen, hokker klean hja oan hiene, wat hja ieten. Hja lies, hoe't se dêr op jacht giene en feestfierden as de bút ferdield wie. Oer it ark en de wize fan buorkjen notearde se bysûnderheden. En de measte niget seach se oan de folksferhalen. Yn alle kultueren hiene de minsken inoar de ieuwen troch sêgen en leginden ferteld en dêrút koe se in protte gewaar wurde oer it leauwe, oer de brûkmen by berte en begraffenis, de eangst foar de dea, foar geasten en hegere machten, oer de rituelen by it folwoeksen wurden en trouwen. Steapels boeken hie se mei nei hûs ta tôge en soms wie se jûns sa yn har lektuer wei, dat hja it amper fernaam as Piter thús kaam. As er dan syn ferhaal oan har kwyt woe, moast se har earst losskuorre út dy fiere wrâld. Dat steurde Piter. Hy wie wol bliid, sei er, dat hja net mear bleek fan nervositeit en ûngerêstens op him siet te wachtsjen jûns, mar dat syn frou by syn thúskomst in bytsje belangstelling toande foar syn wurk, wie dochs net te folle frege? Noch slimmer wie it, as hja siet te skriuwen. Dan woe se net iens lije, dat er tsjin har prate, omdat dat har út 'e konsintraasje helle. Piter liet har dan wol fernimme, dat er der wer wie. Mei in protte fertoan snijde er de stikken bôle dy't Antsje kreas op in pantsje en ûnder in servet al foar him klear set hie om him dêrnei swier suchtsjend oer de krante te bûgjen. | |
[pagina 156]
| |
10.Doe't Durk en Sylvie nei Amersfoart gien wiene en Kenther ôfset wie nei De Haach, wie it hûs oan de Leidseweg te grut en te djoer wurden. Om sa sunich mooglik te libjen hiene hja doe foar har fjouweren in húske yn de Riemstraat hierd efter de Amsterdamse Straatweg. Harren húshâlding hoegde net better of rommer te wenjen as de arbeidersfreonen, hiene se ornearre. Dat hûs hie ûnder mar ien keamer en in kokentsje en boppe inkeld twa fertrekjes ûnder it skeane dak. In lyts betegele hoekje efter hûs wie it iennichste ‘bûtendoar’ en dêr wie ek it húske. Hja hiene alle fjouwer omstean leare moatten! De bern, dy't de romte wend wiene, tsierden en kreauden ynienen folle mear en it ferge gâns belied en stjoermanskeunst om foar elts in eigen plakje yn te rjochtsjen. Har sekretêre wie boppe op 'e oerloop bedarre en oerdeis hie se dan mar tusken blokkedoazen, kleurkrytsjes en de stikken fan in lispuzzle yn in hoekje oan de grutte tafel fine moatten foar har skriuwblok en de oantekenskriften.
Op in jûn hie Piter wer slim demonstratyf syn min sin blike litten, doe't hja him by syn thúskomst frege noch even stil te wêzen, omdat hja krekt sa lekker op gong wie mei in nij haadstik. Mei syn amper bedimme lilkens makke er har sa nerveus, dat se lykwols net fierder wurkje koe ek al sei er gjin sprek. Hja hie de pinne mar dellein en sein, dat er dan mar ris sizze moast, wat him no winliken sa dwers siet, dat er har net even gewurde litte koe. Doe hie Piter har ferteld, dat er him altyd slim teloarsteld fielde, as er by syn thúskomst sa koel ûntfongen waard. Hie hja eartiids net beweard, dat it har muoide, dat hja net faker mei him meigean koe? Dat wie net allinne foar har ferfelend, mar ek foar him. Oaren sieten fleurich mei de frou oan in taffeltsje en hy moast rûnom altyd allinne op ta. Hy woe har each en har ear wol wêze, lykas se him destiids frege hie, mar dan moast er syn ferslach ek oan har kwyt kinne. Earder hie hja syn herte en syn gewisse west by al wat er die, mar hy krige no stadichoan it gefoel, dat hja alhiel net mear mei him meilibbe. Dat syn stribjen en syn striid har net mear ynteressearren. Se wist dochs noch wol, dat har oardiel wichtich foar him wie? Hy hie | |
[pagina 157]
| |
der noch altyd ferlet fan syn dingen mei har te bepraten, sa't se dat yn it begjin wend west hiene. Hja hie tajaan moatten, dat se yndie net mear op 'e hichte wie fan wat er no krekt fan dei ta dei by de ein hie. Hy hie no ek safolle oare minsken om him hinne! Yn de drokte oan de Leidseweg hie der amper ea in momint west, dat hja tegearre wêze koene. Dat er der noch altyd priis op stelde har miening te hearren fernuvere, nee ferraste har. Dat woe se wol wêze: it makke har bliid. Hy joech har ynienen wer it gefoel, dat hja mear wie as de mem fan syn bern en in trou meiwurkster oan syn krante. ‘Fansels bisto dat, Sjoukje! Mar dat witst dochs wol? Wy hâlde dochs faninoar?’ Op dat stuit besefte se, dat hja dat net mear echt fan binnen witten hie, sûnt se nei dat beskamsume ferbliuw yn it sikehûs thúskommen wie, trije jier lyn. Hja hie har bêst dien om Piter sa min mooglik ta lêst te wêzen, mar dat er har nedich hawwe koe, dat hie se hast net mear leauwe kinnen. It libben like ynienen wer folle lichter!
Nei dy jûn doe't se de ienriedigens tusken Piter en har wer echt fiele kinnen hie, besocht se it in skoftlang oars te skikken mei har eigen wurk. Jûns om healwei tsienen hinne makke se de tafel rom foar Piter syn kranten en blierhertich siet se dan op de thúskomst fan har man te wachtsjen. Doe't hja sa in pear jûnen foar him opbleaun wie, wylst it tafallich dy kearen yn syn gearkomsten slim let waard, hie Piter him wer skuldich field, omdat er har ynstee fan fleurich, sa't hja it bedoeld hie, wurch en slûch efter it teeblêd fûn. Sa koe it ek net. Op sa'n wize fielde er him opjage, dan hie er noch leaver, dat hja mar gewoan har gong gie, dan wie hy ek wer frijer.
It glânzgjende byld fan harren ideale houlik, fertoande yn dy lêste jierren yn Utert hyltyd mear doffe plakken. Soms hiene se inoar slim mist, mar op oare dagen, as hja beide thús wiene, sieten se inoar soms ek mar frijwat yn it paad. De lytse romte beneare har beide en hja koene net folle mear hawwe. Dochs hiene se yn dy tiid ek noch wolris wer echt mei-inoar praat. Sa hie Piter op in kear syn hert by har útstoart en ferteld, wat oare minsken fan har tochten. Freonen dy't him geregeld ek thús mei- | |
[pagina 158]
| |
makken, wie it opfallen, dat er yn it iepenbier in hiel oar man like as yn syn eigen húshâlding. Foar de bûtewrâld wie er de krêftige, besieljende strider en lieder. Thús like er lytser, mêder, âldsk. Hy wist dat de lju dy't soks opmurken, gelyk hiene, sei er. Sels hie er ek faak it gefoel, dat er lytsman waard, as er thús kaam. Hy fielde him soms oer en te folle yn syn eigen hûs. It soe oars wêze moatte. Hy hie it him ek oars foarsteld. Dat er sa sneu tsjin har die, makke har slim fertrietlik. Hja hie it doe sa graach leauwe wollen, dat er noch altyd wiis mei har wie, mar troch sokke ferwiten, ferlear se alle betrouwen wer. Moast se him no noch mear yn 'e mjitte komme of him krekt romte litte? Hja wist it net mear. Die se dan alles ferkeard? Mar, ho ris, hoe rjochtfeardich wie syn wrantelige hâlding, winliken? It koe net allinne oan har lizze, dat der hyltyd mear ferwidering tusken harren kaam! Wist Piter eins wol, hoe't har dagen der útseagen? ‘Do skynst te ferjitten, datst soms wikenlang efterinoar fan hûs biste,’ sei se, ‘by freonen, of op propagandatocht yn it noarden of alhiel yn it bûtenlân om gearkomsten en kongressen by te wenjen en dêre kontakten te lizzen. Ik bin altyd thús, dan mei it dy dochs net fernuverje dat it hûs ûnderwilens mear myn sfear en kleur krijt en dat de bern mei my fertrouliker binne as mei dy? Mar do meist nea ferjitte, dat wy alle trije altyd wer nei dyn thúskomst útsjogge.’ ‘Soa, al? Dat ferbyldzje ik my dus mar, dat jimme gewoan jim gong geane, oft ik der no bin of net?’ ‘No bist ûnreedlik, Piter, do kinst net fan my en fan de bern fergje, dat wy ús eigen libben stil sette, asto der net bist. Sa faak moatte wy ús sûnder dy rêde, dy selsstannigens lizze we net samar wer ôf, dat meist net ferwachtsje.’ Piter hie knikt en al wer freonliker antwurde: ‘Sa haw ik it nea besjoen, ju, eins haw ik my der nea net sa yn ferdjippe, hoe't jimme bestean is, as ik der net by bin.’ ‘Yn ús tinzen bisto faker by ús asto mienst; de bern prate ek in soad oer dy. Do bist de held dy't fiere reizen makket, de heit fan sneins, fan de ferrassings en de útsjes. As ús bern net sokke trouwe hertsjes hiene, ús Jelle benammen, dan fergeaten se my op itselde stuit, datsto de doar wer yn stapst. Mei dy is ommers folle mear te belibjen. It is perfoarst net wier, datsto ús oer en te folle wêze soest.’ As hy foar langere tiid fuort wie, regele hja al syn ôfspraken, hja | |
[pagina 159]
| |
skreau stikken foar syn krante en ferûntskuldigjende briefkes as er syn beloften wer ris net neikomme koe, omdat er it ivich en erflik fierstente drok hie. Hy mocht net sizze, dat er neat oan har hie! Krektoarsom, hy mocht har help wol wurdearje! En winliken die Piter dat ek wol. As er thús kaam fan syn reizen en seach wat hja út 'e wei set hie yn syn ôfwêzigens, neamde er har wer syn ‘kranige’ partijgenoate! Hja koene elkoar doe noch werom fine as hja troch it wurk en de omstannichheden byinoar weidreaun wiene. Hy wie noch altyd har strider! | |
11.Njonken de ferkiezingskampanje fan 1897, dêr't de minsken fan de nije partij fansels yn sjen litte moasten, wêr't hja foar stiene, wie ien fan de oarsaken fan Piter syn faak fan hûs-wêzen yn dy snuorje syn aksje foar de frijlitting fan de bruorren Hogerhuis. Syn freon Oebele Stellingwerf hie oant syn dea ta yn it Friesch Volksblad agearre tsjin it Iepenbier Ministearje en tsjin de Ofsier fan Justysje, Graaf Schimmelpenninck, omdat de bewiisfiering tsjin Keimpe, Wybren en Marten Hogerhuis dy't fertocht waarden fan ynbraak mei geweld by de gemier Gatze Haitsma ûnder Britsum, nei syn fêste oertsjûging net doogde en der fierstente swiere straffen oplein wiene. Elts dy't in bytsje op 'e hichte wie fan de situaasje koe begripe, dat it hjir om in polityk fonnis gie en dat de bruorren boete dwaan moasten foar de ûnrest dy't op it plattelân ûntstien wie troch it hâlden en dragen fan guon sosjalisten. Piter wie ek wis fan de ûnskuld fan de bruorren Hogerhuis en woe, dat der in revyzjeproses kaam, dêr't alle nije feiten dy't sûnt de feroardieling oan it ljocht kommen wiene, yn hifke waarden. Dan soe bliken dwaan, wa't de wiere skuldigen wiene. By syn ferkiezingsreis troch Fryslân hie er al fernommen, dat de saak de minsken tige heech lei. Kear op kear wie him frege oft er útlizze woe, hoe't de kwestje juridysk yninoar stuts, wat de macht fan sa'n Ofsier fan Justysje no krekt wie en oft der gjin mooglikheid bestie om de saak op 'e nij op 'e rol te krijen. En fuort nei syn beneaming ta Keamerlid wie er benadere troch in tal Bitgumers mei it fersyk him it lot fan de Hogerhuizen oan te lûken en wat foar de manlju te dwaan, no't er dêr yn it Parlemint de kâns ta hie. | |
[pagina 160]
| |
Piter reizge nei Fryslân, útfanhuze by de mem en de suster fan de finzenen en hie petearen mei gâns minsken dy't faaks as tsjûge optrede kinne soene, as der yndie in nij proses kaam. Hy frege ek belet by de krekt beneamde Minister fan Justysje, syn eardere promotor út Grins, mr. Cort van der Linden, mar dy woe net tastean, dat er de prosesstikken bestudearre. Sadwaande moast er op 'e nij nei Ljouwert en nei Bitgum ta om sels in dossier op te bouwen. De earste jierren fan syn Keamerlidwêzen spandearre er in protte tiid oan de Hogerhuissaak. Hy krige de famylje safier, dat hja in oanklacht tsjin Haitsma yntsjinnen, omdat dy in falsk tsjûgenis ôflein hawwe soe. Piter liet him fannijs by de Ljouwerter baly ynskriuwe om har as advokaat bystean te kinnen yn dat meineed proses. Hy skreau in wiidweidige taljochting, dêr't er ek de nammen fan de wiere skuldigen yn neamde. As er sels sadwaande fan smaad beskuldige wurde soe, krige er faaks de kâns om foar in oare rjocht-bank âlde en nije tsjûgen in ferhoar ôfnimme te litten. Hy makke de de saak sa ta syn eigen, dat er syn reputaasje, syn persoan en sels syn frijheid derfoar op it spul sette. |
|