De oare helte
(1997)–Tineke J. Steenmeijer-Wielenga– Auteursrechtelijk beschermdNynke fan Hichtum, de frou fan Piter Jelles
[pagina 81]
| |
(1926)Ja, no wenne se noch altyd yn Bergen, tocht se, doe't se op in middei mei de post ek in brief fan har dochter fan 'e matte opkrige en dêr, wylst hja ûnwillekeurich de adressearring lies, mei nei har stoel foar it finster ta rûn. Har soan sei withoefaak, dat it sa gesellich wie, dat er alle oeren fan 'e dei by Mem binnenstappe koe om even te praten. En Dieuwke wenne mei har twadde man yn Stuttgart, dy makke it alhielendal neat út, wat Mem die. It hie har muoid, dat har dochter fannijs nei it bûtenlân ferfearn wie, mar dat hja it lok wer fûn hie, joech in gefoel fan djippe tankberens. Paul Bay, har nije skoansoan, mocht se graach lije en dat er oprjocht besocht om in heit foar de soan út Dieuwke har earste houlik te wêzen, makke, dat hja har alhiel fermoedsoene hie mei it ôfskie. Hans van der Stok hie noch altyd in spesjaal plakje yn har hert. Hè, hja soe wol graach wer ris nei harren ta wolle. Dieuwke en Paul hiene no al trije bern tegearre en de jongste hie se noch net iens sjoen. Bliid skuorde se de slúf iepen en lies de brief, dêr't Dieuwke, Paul en Hans alle trije in eintsje yn skreaun hiene. It foldie mar skoan yn it bûtenlân.
Wêr't hjasels hinne woe te wenjen, dat wist se winliken nòch noait. Sûnt Jelle in oar pensjon foar har fûn hie, dêr't hja simmerdeis ek bliuwe koe, wie har ferlet om in eigen plakje te sykjen ek net sa driuwend mear. Wat oaren it bêste achten, dat wie har eins altyd wol goed. Wylst hja dêr mei de brief yn 'e hân noch stil wat sitten bleau, betocht se, dat dat al sa west hie, doe't hja noch lyts wie. Hoe soe se as jongste thús en ûnder de bern altyd de lytste en de swakste ek leard hawwe om har wil troch te setten? En doe't hja grutter wurden wie en deroer nei begûn te tinken, wat hja fan it libben ferwachte en hokker stappen hja dwaan moast om dat te berikken, doe hie op wûndere wize wat har âlden mei har foar hiene, altyd krekt yn har eigen plannen past. Sa wie Heit op in kear | |
[pagina 82]
| |
fan in dûmnysgearkomste fan de ‘Dokkumer Krans’ thúskommen mei de meidieling, dat der nei de simmer in plakje frij kaam op 'e kostskoalle by syn remonstrantske kollega Scheltema oan hûs. Hja wie doe krekt fan skoalle kommen en hie al ris sein leaver trochleare te wollen as thús by Mem en de grutte susters yn 'e pastorij om te hingjen. It hie harsels daliks moai talike, sa'n skoalle yn 'e stêd, dêr't hja ûnder fammen fan har eigen leeftiid wêze soe en Frânsk, Dútsk en Ingelsk leare koe. Noch dyselde jûn hiene har âlden út 'e rie west, dat hja dan mar talittings-eksamen dwaan moast foar dy Dokkumer ‘Dag- en Kostschool voor Jonge Dames’. En dat wie oangien. Moaie jierren, hie se op kostskoalle hân. En hja hie der in freondinne foar it libben fan oerhâlden. Dat hie se alteast miend. It wie spitich, dat hja troch harren politike kar Clara van Loon net sa faak mear moete hie, neidat hja mei Piter troud wie. Wie se ek dêryn te min foar harsels opkommen? Letter doe't it libben net mear yn alles sa fanselssprekkend west hie, hie se wol gauris tocht, dat hja de dingen te faak mar oer har hinne komme litten hie. Hja woe in oar nea ta lêst wêze en hie miskien wolris te folle oan de ferwachtings dy't de minsken fan har hiene, beänderje wollen. Har libben lang hie se har liede litten. En har altyd - hoe dreech dat soms ek west hie - hâlde wollen oan har beloften. ‘Ik sis it út goederbêst, Sjoukje’, ‘Dokter is fan betinken’, ‘Wy hawwe der op rekkene, datsto no...’ En hja: ‘Jawis, ik begryp it wol’, ‘Ik sil myn bêst dwaan’, ‘Fansels!’ Wat oaren har opleine, hie se altyd oant yn 'e puntsjes útfiere wollen. En doe't hja hyltyd faker sizze moatten hie: ‘Mar ik kin net, ik fiel my te swak, dêr bin ik te lyts foar’, doe hie se har dat ôfgryslik oanlutsen, omdat se wist dat se minsken teloarstelde - Piter, de bern, de Partijgenoaten - allegearre ferwachten se dingen fan har en dus... as it heal koe, hie se dan mar wer besocht te dwaan, wat har frege wie. In kearmannich wie it har oer de fûst run. Eangst foar ferwiten makke har ûnwis, hja wie der mei oan rekke en úteinlik siik wurden fan oerspanning. Nettsjinsteande al har goede bedoelings wie se Piter sadwaande kear op kear ôffallen. Hie se him net plechtich ûnthjitten om him yn syn striid te stypjen? Ja, dat hie se en it witten dat it har plicht wie om dy belofte nei te kommen, hie gjin dei by har wei west. It momint dat hja dy swiere libbenstaak op har nommen hie, stie har - no mear as fiifentritich jier letter - noch sa klear | |
[pagina 83]
| |
foar de geast as wie it noch mar krekt lyn bard. Har tawurd op Piter syn frage oft hja syn ideaal mei him drage woe, hie foar har like swier woegen as it jawurd op harren troudei. Har tinzen giene werom nei de maitiid fan 1890. Op in moandei hie it west; yn Renkum by har âlden thús. Dieuwke, dy't yn July 1889 yn Huzum te wrâld kommen wie, hie noch gjin jier âld west. Hja wennen doe al net mear oan 'e Skrâns en krekt dyselde deis hie se har heit bekend, wêrom't hja ferfearn wiene nei it lytse hûs boppe Piter syn kantoar. | |
1.‘Sjoukje, wêr biste? Hjir is in tillegram foar dy út Ljouwert!’ Hastich kaam Heit út 'e hûs wei op har tarinnen. Hy like suver wat feralterearre. ‘Ik hoopje net dat der swierrichheden binne. Lês it mar gau!’ Hja wie nei de túnbank rûn en hie it optearde formulier hastich iepenskuord. In tillegram makke jin altyd ûngerêst. It wie krekt oft de frede fan de iere maitiidsmiddei yn de tún by har âlden ynienen foarby wie. In stik of wat protters begûnen te tsieren, buorman syn boarre - wreed wekker skrokken fan it geïggewear - helle fersteurd út nei in moskje dat noflik yn it sintsje siet te moudzjen. ‘Is it fan Piter, Sjoukje? Is der wat? Hoechst dochs aanst net hookstrooks wer nei Ljouwert ta, sille wy hoopje? It is no krekt sa gesellich.’ ‘Ja, it is fan Piter, Heit, mar ik leau net, dat der wat bard is thús, hear. Hy wol jûn noch komme. Sa likernôch healwei âlven kin er hjir wêze, skriuwt er. Sjoch mar.’ Heit hie fûl oan de piip lutsen, wylst er lies. ‘Wat betsjut dat, Sjoukje?’ Hja wie oereinkommen en mei him it túnpaad del kuiere. ‘Ik haw wier gjin idee, Heit, wy moatte it mar rêstich ôfwachtsje.’ Hja rûnen fierder, beide wat mei de situaasje oan. ‘Sjoch hjir ris, hjir komme de blauwe drúfkes al wer boppe en dêr, binne dat fan dy lytse wylde hyasintsjes?’ Hja hie nei de lytse griene sprútsjes wiisd mei it tillegram noch yn 'e hân. | |
[pagina 84]
| |
‘Hè, Piter makket my ek wol benijd. Wy hiene hielendal net ôfpraat, dat hy hjir ek noch hinne soe. Jimme hawwe ferline snein mei syn jierdei ommers noch by ús west. Sa'n reis kostet wer wyt en swart.’ ‘Hoe dat sa, Sjoukje?’ Hja hearde oan de hastige reaksje, dat Heit op 'e nij alarmearre wie. Dat hie hja dus better net sizze kinnen, mar it wie derút rûgele, foardat hja der erch yn hân hie. ‘No ja, och,’ stammere se en tearde nerveus it formulier dûbel om it yn de roksbûse te triuwen. ‘No ja, ik wol it Heit ek wol fertelle. Wy hawwe frijwat minder jild om hannen tsjintwurdich. Piter hat de lêste tiid in protte saken fan arbeiders hân en dy koene him fansels gjin grou honorarium betelje. Dat is op himsels net slim - en ik fyn ek perfoarst, dat Piter wat dwaan moat foar dy earme minsken -, mar it liket wol, dat oare kliïnten dêrom no weibliuwe en dat is minder. Hja neame him yn Ljouwert “de reade advokaat”.’ Hja stuts de hân yn 'e bûse en hearde it papier sêft knisterjen. ‘It giet, earlik sein, hielendal net goed, Heit, mei Piter syn advokatepraktyk. Dêrom binne wy ferline hjerst ek nei de Nijstêd ferhuze. It hûs oan de Skrâns waard ús te djoer.’ ‘Och, famke, is it al sa?’ Heit bleau hommels stean. ‘Soa, dus dochs. Te djoer, seiste. Ja, sjoch, ik hie my der al oer fernuvere, dat jimme sa gau al wer ferfarre woene. Jimme hiene it dêr yn Huzum noch mar krekt allegear sa kreas foarinoar makke. En ik hie der ek nea gjin praat fan heard, dat it dêr net foldwaan soe. Ik frege my al ôf, wat jimme beweegde om no mei it lyts famke derby op dat behindige hûs boppe Piter syn kantoar te krûpen. Jimme meubels kinne der ommers amper stean! Mem en ik wisten net rjocht, wat wy dêrfan tinke moasten. Ik hie der Piter snein noch nei freegje sillen, mar doe wie de gelegenheid der eins net. Och, och, dus it waard jim te djoer?’ Hy plôke in gerske tusken de titelroazen wei en begûn dêrmei om te tyspeljen. ‘Ik ferûnderstelde, datsto it miskien te stil fûn hieste, dêr tusken de rintenierboeren yn 'e Skrâns, of dat it foar Piter te lestich wie om sa fier fan syn kantoar en fan de rjochtbank ôf te wenjen, it spoar dertusken... Mar dat wie it dus. Jimme moasten goedkeaper omsjen.’ Heit skodde wol in kearmennich efter inoar de grize holle. ‘Docht er | |
[pagina 85]
| |
der no wol goed oan, Sjoukje? Do seist niis al, datst it der mei iens biste, mar Piter soe no dochs yn it foarste plak om dy en om jimme berntsje tinke moatte? Ik kin dat net samar goedkrije! As er hjir komt jûn, wol ik dêr ris earnstich mei him oer prate. Fan man ta man, bedoel ik.’ Hy pesjantele in stap of twa, trije fierder en bleau doe wer stean. ‘Men soe dochs hawwe wolle, dat er sa njonkelytsen syn ferstân ris brûke soe. Hy is no dochs in folwoeksen man, tritich jier, promovearre, troud en heit.’ Heit wûn him op, hearde se en hy seach wer nei har lykas eartiids, as hja wat dien hie, dat him net noaske: brûkel en tagelyk fol noed. ‘Ik haw him de hân fan ús jongste dochter jûn yn de oertsjûging, dat er, as advokaat, dy ûnderhâlde kinne soe, lykasto dat hjir thús wend wieste, Sjoukje. Sa hiene wy dat ek ôfpraat!’ ‘Kom, kom! Heit docht no krekt of wiene wy alhiel earmelytsen wurden. Safier is it gelokkich noch net. Wy moatte it allinne mar wat kloeker oerlizze, tsjintwurdich. Ik fyn dat net slim, hear. It moat leare fansels, mar jild is mar dea guod, der binne oare dingen dy't folle wichtiger binne yn it libben! Heit moat mar net oer ús ynsitte! En, fertel it Mem ek mar net. Dy is sa wiis mei ús lytse Dieuwke. Mem moat har beleaven gjin soargen meitsje! Piter hat ek altyd syn ynspekteurskip fan de Neerlandia noch. En hy skriuwt wer geregeldwei artikels foar it Friesch Volksblad. Wy binne foarearst noch net oan reapsein, hear! Allinne ús tydskrift, dat begruttet my wol, mar dêr kinne wy ús miskien mar better út weromlûke. Alle nûmers fan For Hûs en Hiem moat jild by en dat past ús no net mear. Wy koene der oars sa ienriedich tegearre mei oan 'e gong wêze, Piter en ik. Wy liezen inoar altyd foar, wat wy skreaun hiene en ik briefke út namme fan de redaksje mei gâns minsken; dêr hie ik nocht oan, mar, hawar, no't Dieuwke der is, komt dêr dochs ek al net safolle mear fan.’ Hja hie fleurich lake, mar mei strakke tsjeaken, wylst hja Heit even in hân op it skouder lei. It hie har ferromme, dat hja der no mei him oer praat hie, mar hja fielde har dochs ek in bytsje teloarsteld. Der wie sûnt harren ferloving wrachtich noch neat feroare! Heit stie net folslein efter har man, lykas hja dat hawwe wolle soe. Hy die no wer krekt as soe Piter minder goed op har passe as dat hysels altyd dien hie. Och, foar Heit soe hja wol ivich in lyts famke bliuwe. | |
[pagina 86]
| |
Mei teare fingers struts se even oer it papier yn 'e bûse fan har rok: jûn wie har man der wer! ‘Kom, ik sil no mar yn 'e hûs gean en sjen oft Ytsje de tee brún hat,’ sei se. ‘As grutte Dieuwke en lytse Dieuwke dan aanst har middeisknipperke hân hawwe, kin ik Mem fertelle, dat hja der jûn noch in kostgonger by krijt. Nuvere oanslaggen hat sa'n Piter soms, fynt Heit ek net? Dan docht er mar krekt, wat him yn 'e holle opkomt. Noch mar in wike allinnich en no al langstme nei syn famkes, soe dat it net wêze?’ | |
2.Nei teedrinken hie hja tegearre mei Pake in eintsje kuiere mei lytse Dieuwke yn 'e bernewein. Ynienen hie er doe - sûnder hokfoar oanlieding - sein: ‘Se sjocht der oars folle better út, ús Sjoukje. It houlik docht har goed, hja is suver wat minder skraal om it kopke wurden; dat mei ik wol lije.’ ‘Wat sei Heit? Sjoch ik der better út?’ ‘Sei ik dat? Ik tocht samar wat lûdop, ju. Mar it is al sa. Miskien fynsto, dat in âldman as ik, dêr net nei heart te sjen, mar hast suver wat in foller figuer krige, no'st mem wurden biste, dat stiet dy goed. Net ien sil dy no noch foar “skrale mich” útmeitsje.’ Glimkjend rûn er wer fierder. ‘Witst dat noch wol, dat de jonges yn Nes, dy dat neirôpen earder?: “Sjoukje is in skrale mich!, Sjoukje is in skrale mich!” Wat waardst dan lilk! As in spin sa nidich!’ ‘Dat wit ik noch skoan, Heit. Dy opperteurs moasten altyd my hawwe. Ik koe min oer sok pleagjen en dat wie foar har, tink, krekt tréwes.’ ‘Och bern, wat is dat lang lyn, datsto sa'n famke wieste. Ik sjoch it noch foar my, hoest dan gûlend fan klearebare ûnmacht de studearkeamer binnenstowen kaamst. Dan moast Heit dyn triennen druie en dy treastgje.’ ‘Ik koe gelokkich altyd by Heit terjochte. Oft it no de jonges wiene dy't my neirôpen, of master Beetsma dy't wer ris ûnaardich tsjin my dien hie yn skoalle, omdat Heit syn preek him net noaske hie.’ ‘Ja, master... dy behannele dy net earlik. De âldman fûn my te modern en wie benaud dat syn behyplik bytsje gesach oantaast | |
[pagina 87]
| |
waard, as ik de bern op fraachlearen foarhold, dat hja sels neitinke moasten en mar net alles samar leauwe, wat oaren sein of skreaun hiene. It wie lyts fan him, dat er syn argewaasje op dy ôfreagearre. Mar der moast him wol wat ferjûn wurde. De grutte jonges narren hìm ek; hy koe de skoalle net rjocht mear oan. In iensum man en gjin bêste pedagooch. Dan hiest it mei Scheltema letter al better troffen.’ Swijend wiene se fierder rûn. Bylden fan eartiids tommelen oerinoar yn har holle: Nes, it Moddergat, Dokkum, de âld skoalle, letter de lessen yn it koetshús by dat grutte hearehûs oan de Breedstrjitte, it kuierjen mei de fammen oer it bolwurk, de grutte tún by de pastorij en it paad nei de seedyk dêrefter, dat hja mei Heit withoefaak rûn wie. ‘Sjoch Heit, de bjirkebeammen rinne al wer út. Wat is dat dochs alle jierren wer moai, dat earste teare grien! It wennet sa mei wat strewelleguod rûnom dochs wol moaier as oan de Nijstêd, mei inkeld dy stive rige beammen by it wetter lâns. Wit Heit dat noch wol? Foarhinne wiisde Heit my altyd op it bysûndere fan blommen en fûgels en krobbeguod. Dêr haw ik in protte fan opstutsen!’ ‘Jawis famke, ik sjoch ús noch tegearre kuierjen. Ik bemuoide my doe folle mear mei dy as earder mei dyn susters, doe't ik noch yn Langwar stie. Dat kaam ek om't Mem sa faak siik wie, doesto lyts wieste. Ik moast in bytsje heit en mem tagelyk foar dy wêze, mar ik woe der ek fan genietsje, dat wy nòch in bern krige hiene. Myn lytse kammeraat wiest al gau; wy sochten treast byinoar, as it wer mis wie mei Mem.’ ‘Mem is no folle better, net Heit?’ Mar Heit hearde har net en prate op syn eigen sjapiter fierder. ‘Wat hie ik ek in aardichheid oan dy, doest begûnst te learen! Do koest al jong knap fertelle, Sjoukje. Och berntsje, ik woe wol, dat ik no wèr mei dy oan it hantsje yn dat prachtige grutte hôf dêre yn Nes omkuierje koe. Wat hiene wy dêr dochs in hearlik hûs. As it doarp net sa stiif west hie en it klimaat wat mylder, dan hiene wy dêr nea wer wei hoegd. Dêr moast ik fan 'e middei noch oan tinke. Doe koe ik noch foar dy soargje en dy beskermje. No moatst sels it libben treast wêze en mei Heit dy net iens mear út goederbêst riede. Ik fielde my hjoed ynienen sa âld.’ | |
[pagina 88]
| |
Doe't hja wer thús wiene, wie de krante krekt brocht en dêr ferskûle Heit him efter, mar hja hie wol yn 'e rekken, dat er net folle lies. ‘No moat Piter al ûnderweis wêze,’ sei er nei in skoftke, ‘ik koe jûn wol even oan it stasjon ta rinne om him op te wachtsjen.’ ‘Dat hoecht net, Heit, Piter kin it paad sels wol fine, hy hat hjir sa faak west.’ ‘Soa, tochtste fan al, no hawar, wy sille sjen. It wie oars krekt sa'n loopke.’ De tiid gie stadich foarby. Mem woutere wat mei lytse Dieuwke om, dy't op in oerklaaide tekken oer de flier boarte. Hja frege har ôf, wêrom't Heit no ynienen sa stil wie. Soe er sitte te stúmjen, omdat hja sein hie, dat er Piter net ôfhelje hoegde? Of pakte er der noch mei om wat har man nei Renkum driuwe koe? Hie se it him dochs net fertelle moatten fan harren jildsoargen? Piter soe der lilk om wurde kinne. Unsin, ier of let soene har âlden it dochs gewaar wurde. En it wie ommers ek gjin skande! Heit moast der mar ta wenne, dat hja justjes oars oer de maatskippij begûn wiene te tinken. | |
3.Nei brea-iten waard it tiid om it lytse famke op bêd te bringen. Dat wie alle jûnen in hiel ritueel. Dieuwke waard wosken en dan mocht se yn it skjinne nachtjakje lekker yn in grutte handoek bewuolle noch eefkes by Beppe op 'e skurte sitte. Dy song dan in lietsje foar har lytse genamt of se fertelde in ferhaaltsje. ‘Der wie ris in âld wyfke...’ As it teltsje út wie, naam Pake har op 'e earm en droech har sjongendeweis nei boppen ta, dêr't yn de útfanhuzerskeamer har eigen âlde berneledikantsje delset wie, njonken it grutte bêd. Dieuwke hie meast de eachjes al ticht, ear't hja de keamer út wiene.
Goed en wol wer ûnder by Mem tearde Heit fannijs de krante iepen. ‘Ik sil nochris besykje de berjochten te folgjen,’ sei er, ‘foar iten mei it lytse famke oer de flier, koe ik de holle der net byhâlde.’ Blier hie se har âlden oansjoen en sein: ‘Der komt ek al sa'n aardichheid oan ús berntsje! Noch net iens tsien moanne âld en ik leau | |
[pagina 89]
| |
grif, dat se Pake en Beppe al ken.’ ‘Dêr bin ik wol wis fan, Sjoukje,’ antwurde Mem, ‘it is in helder dinkje. Wat giet it oars hurd net ju, lytse Dieuwke al hast wer tsien moanne. Twa jier lyn yn 'e maitiid moast Piter noch promovearje en sieten jimme noch drok yn de tariedings foar jimme trouwen. Doe hie dyn man krekt op maaie it hûs yn 'e Skrâns hierd.’ Hja fernaam, dat Heit de krante sakje liet en hoeden skodholle, wylst er har in bytsje kjel oanseach. ‘It bliuwt knap waar de kommende dagen, lês ik hjir,’ sei er doe lûdop. Hja hie him foarsichtich in knypeachje jûn. ‘Moai,’ sei Mem, ‘dat is moai, dan kin Dieuwke moarn wer bûtendoar yn it rinstek boartsje. Sa'n bern altyd op in boppehûs yn de stêd, ik begryp net...’ De krante hie wer rissele. ‘Ja, moai Mem, dat jimme dat âld rinstek hjir noch altyd hawwe,’ kaam hja der hastich tusken, ‘de jonges fan Rensia hawwe der earst in protte wille fan hân en no docht it nochris fertuten. Ut 'e wyn en yn de sinne kin Dieuwke bêst bûtendoar moarn en oars mar yn 'e bernewein, dêr past se noch krekt yn.’ Doe hie Heit har even oansjoen en tankber glimke. Dêrnei hie it wer in hiel skoft stil west. De âld klok tikke. Bûten blafte in hûn, in man rôp: ‘Koestdy!’ It lûd fan syn stappen stoar stadich wei oer de leane. Hja hie noch mar ris in kopke tee yngetten. Ut en troch sei Mem noch wat oer har breidzjen hinne. Meast oer lytse Dieuwke en oer Rensia har jonges, mei wa't se àl sa wiis wie. En oer Jette dy't no yn De Haach in pensjon hold en sokke aardige kostgongers troffen hie: twa bruorren út De Sweach, keunstskilders dy't les krigen fan de ferneamde Bisschop. Hja hie har wer alhiel opnommen field yn it âldershûs. Dêr siet se by de tafel mei it plusen kleed en it fertroude blauwe servys derop en hja geat tee yn de kopkes as hie se dêr nea wei west. Alles foel teplak yn it âlde patroan. As Dieuwke no net boppe lein hie, hie se tinke kinnen, dat har libben yn Ljouwert mar in dream west hie. It wie de earste kear sûnt har trouwen, dat hja allinne op reis wie en winliken hie se Piter noch net iens mist. Syn tillegram fan dy moarns hie har oerfallen en doe hie er ek samar wer hiel tichtby west... ‘It folk wurdt hyltyd roeriger,’ sei Heit ynienen boppe syn krante út. | |
[pagina 90]
| |
Hja wie derfan skrokken, safier hie se fuort west mei har tinzen... ‘Der skine noch al wat saneamde ien-maaie-gearkomsten opset west te hawwen, rûnom. Ik lês hjir, dat de Sosjalistyske Ynternasjonale ferline jier op it kongres yn Parys de earste maaie útroppen hat ta in dei om te demonstrearjen foar de saneamde “acht-oeren-dei”: “8 uur Arbeid, 8 uur Slaap en 8 uur Vrije tijd”.’ Hy seach Mem en har hifkjend oan. ‘Dêr wie wol wat foar te sizzen, fansels, tinkt jim net? Net langer as acht oeren wurkje deis... Dan bliuwt der foar sokke minsken ek nochris wat tiid oer foar de húshalding, om der ris mei-inoar op út te gean, foar wat ûntspanning en ûntwikkeling. Der is no wol in arbeidsynspeksje dy't der op ta sjocht, dat der gjin jonge bern mear yn de fabriken wurkje, mar sa lang as der gjin learplicht bestiet, sil it mei it ûnderwiis oan arbeidersbern noch wol net oerhâlde. Acht oeren wurkje, it soe moai wêze as it koe, mar safier is it fansels daliks noch net. Wat fine jimme dêrfan?’ Hja hiene beide knikt. Heit hie altyd al in goed each hân foar de need fan earme minsken, hie se tocht. Hiel wat boere-arbeiders dy't trouwe woene, hie er destiids yn Nes skewield mei in lieninkje en hoefolle jild oft er ûnder de skippen fan earme fiskerlju hân hie, hie wol bliken dien by dy ôfgryslike ramp fan de Peazumer float yn 1883. En wat hiene Mem en de grutte susters ek net faak op syn oanstean iten en klean brocht nei minsken út de gemeente dy't yn behyplike omstannichheden ferkearden. Heit hie in dûmny west mei sosjaal gefoel, it hoederskip hie him better lein as it learaarjen. Syn aard wie te myld foar dogma's, foar sûnde, straf en boete. ‘Ik kin dy sosjalisten wier gjin ûngelyk jaan,’ sei er, ‘dat se foar de belangen fan de tredde stân opkomme, mar men soe al hoopje, dat sokke “meetings” dan wat rêstich ferrinne. Sa'n Domela Nieuwenhuis seit it my wolris wat te stoef op. As dêr mar gjin dalje op komt.’ ‘Hea, ja,’ - der kaam har ynienen wat yn it sin - ‘no't Heit dat sa seit fan dy ien maaie-meetings. Ik hie der net mear oan tocht, mar yn Ljouwert soe juster ek sa'n gearkomste wêze. Stiet dêr ek wat fan yn 'e krante?’ ‘Ik bin neat oer Ljouwert tsjinkommen, leau ik.’ ‘Och nee, dat kin sa gau ek noch net, fansels. Piter hat my deroer ferteld. Sjoch, earst soe dy gearkomste holden wurde yn De Harmo- | |
[pagina 91]
| |
nie. Jimme witte wol, dat grutte nije gebou oan it Ruterskertier, foar de âlde Stedsskouboarch oer. Reitze Bloembergen, kenne Heit en Mem dy? Immen fan de Frijmitselderslôzje, skoanheit hat wol kunde oan him, no dy is dêr skepper en skriuwer fan.’ Har âlden joegen gjin reaksje. ‘Hawar, dat docht der ek net ta, op ien april hiene de minsken fan it Stimrjochtbûn de seal dêre al beiein, mar doe't de kniper op 'e skine kaam, mochten se it gebou ynienen net mear brûke! De hearen bestjoerders makken har benaud, dat it net rêstich om en ta gean soe. By it komitee krigen se sûnder útlis of ferklearring te hearren, dat de seal net “disponibel” wie. Dom dwaan! Johan Duparc, dy freon fan Piter, dy kenne jimme grif noch wol, dy hat tsjûge west by ús trouwen, no dy is ek advokaat yn Ljouwert en dy wol no besykje om skeafergoeding te krijen fanwegen kontraktbreuk. Hoe't dat ris ôftrieddet? Johan is liberaal, mar hy stiet sympatyk foar de kiesrjochtbeweging oer, lykas nammers wol mear leden fan dy partij.’ Se wie ynienen wer alhiel yn Ljouwert. ‘Goaien, ik bin eins wol benijd oft Piter dêr no al wat mear fan heard hat. Hy siet der fol fan. Der is wakker foar dy meeting adverteard yn it Volksblad. Ik wol leauwe, dat se ferwachten, dat der wol in tûzen minsken op tasetten komme koene. Yn dy krante fan Stellingwerf wurdt in protte skreaun oer de arbeidersbeweging. Ek troch in Tsjepke Nawijn, dat is in skoalmaster út Beets. Der moat sa'n ôfgryslike earmoed wêze ûnder de arbeiders yn de feanen. Dêr kinne wy ús gjin foarstelling fan meitsje, seit Piter, hoe't dy minsken dêr omheukerje yn keten en klinten, dy't soms net mear binne as hoalen yn de grûn mei in dak fan seadden. En yn sa'n krûpyn wenje dan hiele húshâldingen, mei soms wol sân, acht bern! Ik leau grif, dat dy minsken it noch folle minder hawwe as de fiskerlju dy't wy foarhinne altyd al sa earm fûnen. It moat dêr yn it súdeasten fan Fryslân hiel slim wêze, seit Piter. En aanst is de turf net iens mear folle wurdich, no't der hyltyd mear swarte brant brûkt wurdt. En net allinne ûnder de feanarbeiders is der ellinde. Ek op de bou. Soms hiere dy rike boeren foar de rispinge wol in frou yn, mar har man net, omdat in frommes goedkeaper is. Dat is dochs skandalich! Dan steane de manlju thús efter de tobbe te ruftwaskjen, wylst de froulju har ferskreppe op de ekers. Froulju dy't swier binne soms, dy't op alle dagen rinne. En as ik Hiltsje, ús tsjinstfaam, soms hear oer hoe't guon boeren har folk behannelje...’ | |
[pagina 92]
| |
‘De boeren hawwe it sels ek net mear sa rom, Sjoukje. It giet min yn de lânbou tsjintwurdich. De lêste jierren, dat wy yn Nes wennen, koest it al oankommen sjen. Der moasten doe soms ek al minsken fan de pleats. Ik haw in grutte boer kend yn Ternaard, dy hat him yn syn eigen skuorre ferhongen, omdat er syn folk net mear útbetelje koe.’ ‘Wat hawwe jimme aaklike ferhalen op 'e lette jûn,’ kaam Mem der ynienen tusken. ‘Moat dat no sa? Aanst kinne jimme der wer net fan sliepe. Heit kin ús better wat oar nijs foarlêze. Stiet der no alhiel net in fleurich stikje yn dy krante?’ Mar Heit seach op 'e klok. ‘Prate jimme noch mar in skoftke tegearre oer fleuriger dingen, Mem, ik rin no nei it stasjon ta om te sjen, oft Piter syn trein op 'e tiid is.’ ‘Heit moat it sels witte, mar as ik Heit wie, bleau ik rêstich thús. It wie hjoed oerdei myld mei it sintsje derby, mar it is fansels noch gjin simmer! Piter komt echt út himsels wol!’ Heit rûn lykwols ûnfersteurber de keamer út en die de jas oan. Hy liet noch krekt gewurde, dat hja him in sjaal om 'e hals knope. ‘Gjin kjeld skypje, Heit!’ ‘Neat tsjin Mem sizze, hear! Ik wol aanst earst mei Piter prate.’ | |
4.Doe't hja wer yn 'e keamer werom wie, sei Mem, dat hja noch mar even nei de koken soe om Ytsje te freegjen wat molke te waarmjen en in pear stikken iten te snijen. Piter soe grif wol ferlet fan wat hawwe nei sa'n lange reis. Hja lei dêrtsjinyn, dat er yn Arnhim wol wat besteld hawwe soe yn it stasjonskofjehûs. Hy moast dêr ommers altyd mear as in oere wachtsje op de oansluting nei Wageningen, mar Mem die gjin lichten. Piter soe grif wol wat meie; hy hie ommers de heale dei ûnderweis west en dan syn wiif al in wike net thús... Doe betocht hja, dat se perfoarst noch even boppe by Dieuwke sjen moast. Dy soe in skjin ruft nedich hawwe kinne.
‘Do koest de feint jûn noch wol ferwachtsje,’ pleage Mem, doe't hja wer ûnder kommen wie yn in skjinne blûze en mei it hier alhiel op | |
[pagina 93]
| |
'e nij opmakke. Der hie wat wiers yn dy opmerking sitten. Hja fielde har ek omtrint like senuweftich as in jongfaam dy't de feint foar it earst te jûnpizeljen krige. Algeduerigen seach se op har klokje, hja siet skraach en dan stie se alwer troch it rút te dikerjen. Bûten wie alles tsjuster en stil. Hja hie de krante krige, mar lêze woe ek net. Dan mar wer by it finster wachtsje. Einlings hie se fuotstappen tichterby kommen heard. ‘Dêr sille se wêze,’ sei Mem, mar hja wie al opsprongen en nei de doar ta draafd. Heit wie wat benefter bleaun, mar Piter mei syn lange skonken wie yn fiif stappen by har. Hy sleat har yn 'e earmen, as hie er moannen op see west. ‘Wat bin ik bliid, dat ik dy sjoch, Sjoukje. Ik woe dy earst alles skriuwe, mar ik koe it net foarinoar krije op papier. Ik mòàst it dy sels sizze. Doe't ik net sliepe koe fannacht, wie ik der ynienen wis fan, dat ik better hjoed nei dy ta reizgje koe en hjir bin ik dan.’ ‘Leave Piter,’ andere se, wylst hja har út syn omearming los makke, ‘ik bin ek bliid, dat ik dy wer sjoch en dat alles goed mei dy liket, mar ik begryp der earlik sein noch gjin sprút fan. Do praatst folslein yn riedsels. Is thús alles echt wol ynoarder?’ Hja wie de festibule ynrûn. ‘Kom, doch earst dyn jas ris út en set dyn kofferke binnendoarren. Wy kinne hjir net sa raar op 'e stoepe stean bliuwe. Ha, dêr is Heit ek al. Wie it net te kâld? Mem wachtet mei molke en bôle. Hja is bang, datst heal ferhongere bist, Piter, troch dy lange reis. Of hast leaver in glês wyn of in bitterke? Dat sil der ek noch wol wêze. En ast hiel stil dochst, meist earst ek wol even boppe by ús Dieuwke sjen. Ik haw krekt noch even by har west, doe lei se hearlik te sliepen, dat meitsje har net wekker.’ Piter hie har freegjend oansjoen. ‘Wat bist drok, ju! Jimme hawwe jim dochs net ûngerêst makke om my, wol? Heit die niis ek al sa, hoe sil ik it sizze, sa geheimsinnich, as wie er bang, dat der wit wat te rêden wie.’ Hy hie har noch in tút jûn. ‘Goed, Pop, ik sil jimme aanst alles fertelle fan juster, dêr bin ik foar kommen, mar ik wol no earst even by ús famke sjen.’ Hân yn hân hiene se har even letter oer it sliepende berntsje bûgd. Twa mûtele knûstkes njonken in moai rûn kopke mei ljochte kroltsjes. It mûltsje justjes iepen, sa fredich en stil lei se te sliepen, sa libben en waarm... Hja hie Piter even oankrûpe moatten. | |
[pagina 94]
| |
Doe't de reizger let en set wie, begûn er te fertellen. Oer dy meeting yn Ljouwert, dêr't er yndie hinne west hie de foarige deis. ‘Snein 27 april 1890. In datum dy't ik myn hiele libben net wer ferjitte sil,’ sei er. ‘Wat in dei! Safolle minsken as der wiene! Wol hast tsientûzen! En treflike sprekkers: dr. Vitus Bruinsma, de foarsitter fan de Friesche Volkspartij fansels en Rindert van Zinderen Bakker, in timmerman fan Koartsweagen. Mar ek Geart Lourens van der Zwaag en dan dy Tsjeard Stienstra noch. Ek in baas sprekker! En der is sa songen! Ien machtich koar fan arbeiders wie it. Der hiene safolle minsken gefolch jûn oan de oprop yn de kranten, dat de gearkomste sels yn twaen opdield wurde moast.’ ‘Tsjonge noch ta,’ sei Heit, ‘sa'n minsken. Dat hie ik net tocht. En dan Friezen. Dy binne oars net sa gau op ien ein... Tsientûzen? Dat lychst dochs, Piter.’ ‘Tsientûzen, echt wier, hear. It folk út it noarden wei, dat meast geandefoet op 'e stêd tasetten kommen wie, is troch de oarderkommissarissen nei de sealen fan juffer Van der Wielen dirigearre yn de Breedstrjitte en de oaren dy't op weinen en mei stomboaten út it suden wei kommen wiene, dy binne opfongen yn de skuorre en op it hiem fan Pel, Efter de Hôven. Takom snein sil der in wiidweidich ferslach fan komme yn it Folksblêd. Ik haw it der fan 'e moarn noch oer hân mei Oebele, foardat ik nei de trein moast. Wy tinke oan in spesjale bylage, alhiel wijd oan de meeting. Dat it sa'n sukses wurde soe, fuortendaliks de earste kears al, dat hie net ien hoopje doarst.’ Piter koe der net oer út, hy fertelde mar oan ien tried wei: ‘De opteinens fan dy minsken! Dat die my wat! “Op Friezen op, der falt foar 't rjocht te striden, kom bliuw no net fan fierren stean!” in nij liet fan Tsjeard Stienstra, dyselde Drachtster skroar dy't ek sprutsen hat, op 'e wize fan it “Frysk bloed, tsjoch op!”.’ Hy núndere in pear maten. Heit en Mem seagen him fernuvere oan. ‘Dat mei-inoar sjongen, hèn, dat jout sa'n gefoel fan ienriedigens! As ik soks hear, dan wol ik meidwaan, derby hearre, by dy hiele kliber minsken, sa ien yn har striid foar in better bestean. En Heit, it wiene net allinne Friezen, der wiene ek grif wol tûzen Amsterdammers by, manlju en froulju. En der is gjin ferkeard wurd fallen. Nettsjinsteande der safolle folk op 'e lappen wie, wie it hiel rêstich yn de stêd. Ik stie der fersteld fan, sa dissiplinearre as dy lju wiene! De boargemaster hie syn maatregels oars wol nommen. Der wiene | |
[pagina 95]
| |
mear as hûndert minsken fan de maresjaussee út Arnhim oan it Ljouwerter garnizoen tafoege en by de huzen fan de notabelen stiene soldaten op wacht. By ús heit-en-dy ek, omdat it folk dêr delkomme soe op wei nei dy pleats fan Pel, fansels. Mar se hawwe der de hiele dei om 'e nocht stien. En noch wat, der mochten moarns gjin ekstra treinen ride om de meetinggongers nei Ljouwert ta te bringen, - ûnrjochtfeardige maatregels! - mar hja binne lykwols kommen, tûzenen... In machtich gesicht, dy hiele stoet mei findels en reade flaggen! Doe't se de stêd ynmarsjearden, waard har hiten dy op te rôljen om gjin argewaasje te jaan en dat diene se doe ek, sûnder mankearen. Aldergeloks is ek de weromreis alhiel sûnder ynsidinten ferrûn. Doe wiene der ynienen wol ekstra treinen beskikber, sa graach woene se de lju wer kwyt! Ik haw der justerjûn noch spul mei ús heit om hân. Dy miende him lytsachtsjend oer de sosjalisten útlitte te moatten. It wie him net ôffallen, sei er sawat spytgnyskjend, hy hie net folle dronken keardels sjoen. Ik waard kûgelsk! Doe haw ik him dúdlik makke, dat ik my as in freon fan it folk beskôge en myn kammeraten net troch him misledigje litte soe. ‘Tenei stean ik oan de kant fan de arbeiders,’ haw ik sein. ‘Ik kin net oars. It is myn ropping!’ Piter swijde hommels en naam in swolch fan syn wyn. Syn wurden klonken nei yn de deeglik-deftige wenkeamer mei de antike kast en de âlde sturtklok mei syn koperen fersiersels. Hja hie him even oansjen moatten: hy like ynienen sa sterk, har man, sa wis. It wie as hie er in doar iepen stjitten en de nije tiid binnen brocht. ‘No, no, do brûkst wol grutte wurden, myn jonge,’ ferbruts Heit de stilte. ‘Ropping mar leafst. Dêr soe ik my noch mar ris oer beriede as ik dy wie. Sliep dêr earst ris kalm in nacht oer, Piter, do soest no ek om dyn húshâlding tinke! Hast it ommers goed? As advokaat krigest grif mear oanslach ast dy net safolle mei de polityk ynlitte soest.’ Hy gie oerein en krige syn dingen byinoar. ‘Ik wol it dêr moarn nochris yn alle rêst mei dy oer hawwe, mar no wurdt it my te let foar sokke emoasjes. Wat seist, Mem, sille wy der mar op? De jongelju moatte sels mar witte, oft se noch sliepe wolle of ta de nacht út trochprate, mar it wurdt ús tiid. It hat in lange, drege dei west. Ik soe | |
[pagina 96]
| |
sizze, sliep lekker, dan sjogge wy moarn wolris wer. Tusken heakjes, hoe lang woest bliuwe, Piter? Do silst wol sa gau mooglik wer op dyn kantoar wêze wolle, tink? Hawar, moarn prate wy fierder. Goenacht, Sjoukje, goenacht, Piter. Sliep lekker.’ Mem makke ek risselwaasje. ‘Jimme moatte my moarn mar wat langer lizze litte, hear. No bern, sliep lekker dan mar! Dogge jimme aanst de lampe út?’ | |
5.‘No moatst my alderearst ris earlik fertelle, Piter, wêrom ast no werklik sa hookstrooks hjirhinne kommen biste,’ hie se frege, doe't hja tegearre efterbleaun wiene yn dy fertroude keamer, dy't dochs net mear alhiel deselde wie. ‘Hast soms spul hân mei Hiltsje? Past se net goed op dy? Dat soe my raar fan har ôffalle!’ ‘Hiltsje is bêst,’ sei er. ‘Wat wie der dan, Piter? It plan om mei Heit en Mem mei werom te reizgjen nei dyn jierdei kaam al wat hommels op ferline snein, mar do hiest der dochs gjin beswier tsjin, dat ik in skoftke útfanhus gie mei Dieuwke? It moaie waar en de bûtenloft dogge har sa goed.’ ‘Nee ju, Sjoukje, nee, dat is it net, hear. Ik rêd my bêst allinne, al fyn ik it no't ik it oars wend bin, wol slim stil yn 'e hûs, sa sûnder jimme. Hiltsje is bêst, sa't ik sei en ik kin ommers sneins wol by ús heit-en-dy ite. Nee, dat útsje fan dy, dêr hat it neat mei te krijen, hear, dat gun ik dy fan herten. It giet om wat ik niis fertelde, Sjoukje, mar tagelyk om folle mear. Dêr woe en dêr moast ik mei dy oer prate. En dat siet my sa efter, dat koe perfoarst net wachtsje oant datsto wer thús wêze soeste. Wat ik juster belibbe ha, dat hat my sa oangrypt. It heart foar dy faaks wol wat dramatysk, mar ik bin deselde man net mear. Ik woe it niis mei dyn âlden derby net sa plan-út sizze - hja sille it der faaks net mei iens wêze - mar ik wit sels no foargoed, hokker wei ik gean moat.’ Hy rûn op har ta, bûgde him oer en krige har by it kin beet, sadat hja him wol oansjen moast. ‘Leafste,’ sei er, ‘ik sit sa fol, sa oerrinnende fol fan wat ik sjoen en meimakke haw juster, dat moast ik mei dy diele. Der is net ien op 'e | |
[pagina 97]
| |
hiele wrâld dy't my sa nei is as do, Sjoukje!’ Hja gie by him stean en treau har hân yn sines. Hy kniep fûl ta, doe't er wer begûn te praten. ‘Sjoch, doe't ús heit it justerjûn mei sa'n ferfelende, leechlizzende ûndertoan yn syn lûd oer de arbeiders hie, doe wist ik ynienen hiel wis, dat ìk by harren hearre woe en dat ik in ferskuorrende hekel hie oan sokke selsfoldiene reginten as ús heit en syn partijgenoaten binne. De kristlike boargerhearen en de liberalen, dy spylje ommers allegearre itselde spultsje, Sjoukje. Hja litte de arbeiders wrotte, betelje har in skeamel lean út en fierder kinne se ferrekke. Sa'n ûnrjochtfeardigens kin ik net langer ferneare. Dy minsken moatte bewust makke wurde. Hja moatte stride foar in better bestean, in earliker beleanning foar al har bealgjen. Knappe huzen moatte der komme, better ark, ûnderwiis. O, der is sa'n soad! En der moatte guon wêze dy't dat sjogge, dy't de arbeiders helpe kinne om har te organisearjen. Ik sil tenei oan har kant stean en myn talinten, myn ûnderfining as advokaat, ja myn hiele libben ynsette foar harren striid.’ Piter seach har fol oan. ‘Ik hoopje, datsto dat begrypst, Sjoukje en datst mei my dat paad gean wolste. In minske moat in ideaal hawwe yn it libben. Juster is it my klear wurden, dat dit myn ideaal is! In grut ideaal, in prachtich ideaal!’ Hy wie hyltyd lûder begûn te praten, as waard er opswypke fan syn eigen wurden. ‘Sst,’ die hja mei de finger oan de lippen, ‘Heit en Mem sliepe en Dieuwke.’ Piter liet him delploffe en hja gie by him op de leuning fan de grutte stoel sitten. ‘Hoe kaam dat dan, Piter, datst dêr ynienen sa wis fan wieste?’ ‘Och ju, ik kaam sa optein thús, alhiel meinommen fielde ik my, as wie ik noch jong en lei alles noch iepen en tagelyk âlder, oanrekke fan in grut bedoelen, earnstiger en folwoeksener as dêr't ik mysels ea foar holden hie. Do hast der net by west, mar besykje dy dat foar te stellen.’ Piter sprong alwer oerein en besocht mei grutte gebearten it tafriel te skilderjen: ‘Tûzenen minsken byinoar dy't ree binne om te striden. Dy't oeren rûn hawwe om mei-inoar dêr te stean, te harkjen, te sjongen. It moed rûn my oer, ik moast der wol mei ien oer prate. Dat ûnder iten begûn ik der tsjin ús heit oer. Dy hat fansels al lang in skalk each hân op myn aktiviteiten yn it Stimrjochtbûn en op myn warberens yn de arbeidersprosessen foar de rjochtbank. It sit him | |
[pagina 98]
| |
heech, dat ik it ferpof it paadsje lâns te trêdzjen, dat hy sa moai sljocht foar my fluorre hat. Justerjûn kaam it ta in útbarsting. Heit hie sels ek tige yn spanning sitten. Kenst him dochs? De hiele dei sa'n unifoarm foar de doar en syn ferantwurdlikheid foar de oarder yn 'e stêd. No, doe moast ik it ûntjilde. Wy rekken hast slaande deilis. Hy makke my de grouwélichste ferwiten. Ik soe myn takomst fersmite en ik die dy en ús bern te koart. Hy soe my ûnterve en Durk moast him dan mar opfolgje as direkteur fan de Neerlandia. Ik haw sein, dat syn jild my neat skele koe. ‘Ik doch wat myn gewisse my hjit,’ sei ik, ‘en ik lit my net omkeapje. Ik bin in frij minske. Wy rêde ús wol sûnder syn luzige sinten, net Sjoukje?’ ‘Fansels, do bist no tritich jier. Hy hat neat mear oer dy te kedizen, dat moat er net miene! Mar fertel fierder, Pyt. Jimme krigen spul, seist niis, hoe is dat beteard? It is in âldman en hy bliuwt dyn heit.’ ‘No, gelokkich bekaam Heit wer wat en letter hawwe wy dochs noch wol as reedlike minsken mei elkoar prate kinnen, mar in amerij stiene wy echt as twa hoantsen foar elkoar oer. Der hie wol wit wat barre kinnen, as it echt op fjochtsjen útdraaid wie.’ Piter suchte djip. ‘Witst, wat it is, Sjoukje, wy hawwe faaks wol te folle fan elkoar, Heit en ik, dat haw ik letter ek tsjin him sein. “As ik jong west hie yn jo tiid,” sei ik, “dan wie ik grif liberaal wurden en it hie kâns hân, dat jo oarsom, as jo no jong wiene, ek foar de sosjalistyske beweging keazen hiene.” Heit woe dat net oan, fansels! Hy bleau derby, dat ik in jonge ûnferstân wie, dy't syn takomst fersmiet. Mar sa is it net, Sjoukje, ik wit hiel goed, wat ik doch, dit is net samar in opstiging, dit sit folle djipper.’ Wylst Piter sa fûleindich pleite foar syn ideaal, sloech se him de earms om 'e mul en sei: ‘Ik stean efter dy, Piter. Do bist in hiele bysûndere man en ik hâld fan dy. Do sjochst dyn taak yn it libben no dúdlik foar dy en do hast de talinten krige om dyn ropping wier te meitsjen. Ik sil dy helpe, dêr meist op fertrouwe, altyd, safolle as ik kin.’ | |
6.It hie in plechtich, hast hillich momint west, dat har har libben lang bybleaun wie as in amerij fan grutte ienriedigens. De stilte stie om | |
[pagina 99]
| |
har beide hinne. Piter naam har holle tusken syn hannen en sei doe suver wat oandien: ‘Och, Sjoukje, wat bin ik dochs wiis mei dy. Ik wist wol, famke, ik wist it wol, datsto my begripe soest. Dêrom bin ik hjir. Ik woe by dy wêze op dit kearpunt yn myn libben, yn ús libben, mien ik. Fan no oan wurdt it earnst mei de striid!’ Hy gie einlings wer sitten en hja kroep by him. Hja lei de holle tsjin syn jaske oan sûnder noch wat te sizzen. Hy koeze har yn syn earms. Nei in hoartsje ferbriek Piter de stilte: ‘Doe't ik fannacht de sliep net krije koe en mar lei te wrotten yn ús bêd, dat my sa grut en sa kâld like, omdatsto der net wieste, doe haw ik besocht om alles op papier te setten, Sjoukje, mar mei in brief woe it neat wurde. Ik koe dizze kear mei in brief net ta. It is no oars as yn ús ferkearingstiid. Ik woe dy fêsthâlde, lykas no, dyn meilibjen fiele. Hûd oan hûd dyn herte klopjen hearre. Ik woe dy yn 'e eagen sjen, as ik dy freegje soe mei my dat paad te gean. Ik tankje dy, Sjoukje.’ Hja joech him sûnder wurden noch in tút om har tasizzing te bekrêftigjen en soe doe tefreden en lokkich wer fierder tsjin him oan dodzje, mar Piter sette har hommels enerzjyk oer de flier: ‘Ik haw fannacht noch al in stik fan in fers klear krige. Dat wol ik útwurkje en dan publisearje yn For Hûs en Hiem. De minsken moatte witte, wêr't ik stean. Harkje ris:
Der giet in rop oer alle lannen,
In rop om frijdom, witnis, ljocht;
Der rûst in wurd lâns alle strannen,
Dat seit, wat mannich herte tocht;
Der skynt in sinne oer tûzen knoppen,
Dy 't tsjuster hindre om har t' ûntjaan,
En skrouske fûgels wurde roppen
Om ek de wjukken út te slaan;
Hoe fynst dat? It wurdt in oprop oan de fjirde stân:
Lok, fjirde stân, te let ûntwekke,
Oan jimme heart de takomst ta;
Ik wol it ‘in nije tiid’ neame; ik wit noch net krekt, hoe't de folch- | |
[pagina 100]
| |
oarder wêze moat en der komt ek noch wat tusken om it folslein dúdlik te meitsjen, mar dit wurdt it slot:
Waai, Geast der Wierheid, oer de hollen
Fan 't folk, dat opstiet út syn dea,
En wij elks hert ta 't heechste wollen
En do, o selssucht, beestich kwea
Fan d' Ieu, grûn fan har maatskippijen,
En dêrtroch grûn fan al har lijen,
Hy giet tsjin dy, de reuzestriid
Fan dizze grutte, oermoaie tiid!
Wy libje yn in prachtige tiid, Pop. De geasten binne ryp. Ik fiel my sa sterk, ik soe bergen fersette kinne. It leafst soe ik no fuortendaliks begjinne wolle. Hjoed noch. De skouders derûnder sette. Mar ik wit noch net, hoe't ik it hawwe moat.’ ‘Do bist in dichter, Pyt, mar no moatte wy earst sliepe. It hat foar ús ek in lange dei west en moarnier is Dieuwke miskien wer withoe betiid wekker.’ Och sa iens wiene hja yn 'e iere moarntiid tegearre nei boppen rekke. | |
7.In wike of wat letter hie se mei it lytse famke wer thús west, by Piter yn Ljouwert. It lei har mar sa by, dat hja wolris wer swier wêze koe. Yn 'e simmer krigen se wissichheid. Hja wiene der beide bliid om, Piter likegoed. No't de bern inoar mar sa'n bytsje ûntrinne soene yn âldens, koene se skielk in soad oaninoar hawwe. Hy wist dat fan thús. Noch altyd fielden hja as broers en susters dy tagedienens dy't yn 'e bernetiid groeid wie troch alles wat hja meiinoar belibbe hiene. Hja hie dat mist. Har susters wiene safolle âlder, dat hja as bern wolris it gefoel hân hie alhiel tusken âldere minsken op te groeien.
Der wie fansels wolris wat, gau wurch, moarns in bytsje wee op 'e mage, oerdei soms ynienen ôfgryslik slûch, mar oer it generaal hie | |
[pagina 101]
| |
se har goed field, dy simmer en hjerst fan 1890. Lykwols hie se der doe in gewoante fan makke om as Dieuwke middeis sliepte, sels ek in skoftke lizzen te gean. Soms slûge se wat, mar de measte dagen lei se samar stil in bytsje te mimerjen. It wie dan miskien wol wat gau, dat hja no alwer swier wie, mar as hja yndie noch in stikmannich bern hawwe woene - de gesellich grutte húshâlding, dêr't hja faak oer praten tegearre - dan moasten se ek avensearje. Hja hiene beide al njoggenentweintich west, doe't harren earste bern kommen wie... Lang om let hie se der no frede mei, dat hja as famke berne wie. Hja wie suver wol in bytsje grutsk op har lichem en op har konstitúsje, al soe se dêr net maklik mei ien oer prate; mei Piter net iens. Hja mocht dan lyts fan postuer wêze en net sa sterk, dat lyfke fan har die dochs mar moai, wat hja graach woene. Wa hie dat eartiids tocht fan dy skrale mich, dat se sa'n prachtige dochter te wrâld bringe soe? It wie foar har sels noch alle dagen in grut wûnder! Mei dit twadde bern soe it ek wol wer goed komme. Dokter wie tefreden. Hja groeide neffens ferwachting. Mar de omstannichheden wiene wol hiel oars, as doe't hja krekt troud west hiene. Piter hie har op hannen droegen, doe't hja fan Dieuwke yn ferwachting wie. By it ynrjochtsjen fan de bernekeamer en it oantugen fan it poppeguod hie it moaiste en it djoerste amper goedernôch west. En hja hie it hearlik fûn, al dat omtinken foar har persoantsje. Dat it har yn har omstannichheden net mear paste om út te gean of besite te ûntfangen, dêr hiene se it doe gau oer iens west. ‘In moai ferlechje, Pop,’ hie Piter lake, ‘plan-út sein haw ik it mier oan dat deftige gedoch fan myn konfraters mei har ûntfangsten. Ik bin folle leaver mei dy allinne thús.’ Doe hiene se jûns faak samar mei har beiden wat sitten te praten oer de takomst. Of Piter hie stil oan 'e stúdzje west om him ta te rieden op de rjochtssaken dy't er yn behanneling hie, wylst hja noflik by him siet mei har breidzjen. As er dan opseach fan syn skriuwerij, knikte er har bliid ta en sûnder in wurd te sizzen hiene hja har dan beide wer oer it wurk bûgd. Sa lokkich, sa iens! Op sokke mominten hie se har echt troud field. Feilich yn syn waarmte en syn soarch! Piter wie wiis mei har, dat koe se oan alles fernimme... Jongeseftich fereale en grutsk koe er soms samar syn hân op har al mar rûner wurdende lea lizze. Syn ferwûndering en de sêftens dêr't er | |
[pagina 102]
| |
mei om har hinne wie, hie se oandwaanlik fûn fan dy oars soms sa heftige man. Wat hie er har net oprjocht priizge, as hja him toande wat se makke hie. ‘Sok fyn nifelwurk, ik sjoch dernei en begryp net, hoesto dat foarinoar krijste, myn lytse memke. Wat in geduld moatsto hawwe! Ik ûntdek alle dagen noch nije talinten yn dy!’ Hy wie yn dy snuorje húsliker wurden en ta rêst kommen. De driuw om rûnom by te wêzen, wie alhiel fan him ôfgliden. Der wie neat mear dat him jage. Doe wie se foar it earst eins goed gewaar wurden, wat it foar him betsjutte om in plak te hawwen, dêr't er echt thús wie en folslein himsels wêze doarst. ‘De húslike rêst, Sjoukje, de sfear dysto om dy hinne hast, wat dogge dy my goed. No wit ik, wat ik al dy jierren sûnt Memme dea mist haw!’ | |
8.Hja hie der letter wolris om laitsje moatten, dat earste jier fan harren trouwen... Grutte bern hiene se doe winliken noch west, bliid fernuvere oer it feit, dat der him sa gau al in poppe oantsjinne hie. Yn it begjin wie it har wolris oankommen as boarten se sabeare. ‘Goeie, heit’, ‘dach memke!’ - it rûn altyd út op oangean tegearre, oant ien fan beide wer earnstich waard en hja serieus besochten har de takomst mei in bern foar te stellen. Wat hiene se der de twadde reis oars ta sitten! Yn it earstoan wie hja noch safolle mooglik meigien mei Piter, dy't him fûl op syn nije taak smiten hie. Ien fan dy arbeidersgearkomsten wie har lang bybleaun. Yn Stiens hie it west. Der wiene safolle minsken op de meeting ta kommen, dat de manlju oant yn 'e hoannebalken fan it sober ynrjochte folksgebou plak sykje moasten. It skynde har net te dearen. Dy lju hiene gjin ferlet fan in echte seal mei taffeltsjes en stuollen. Hja sieten yn lange rigels op houtene banken. It poadium foar de sprekkers mocht dy namme eins net iens hawwe. It wie opboud fan planken dy't samar sljochtwei oer in stikmannich jirpelkistkes hinne lein wiene. Mar wat lette soks? It gie om wat der sein waard, de sfear, de besieling fan de minsken. Lykas dat Piter al earder oerkommen wie, wie hja dêr yn syn âlde | |
[pagina 103]
| |
doarp tige ûnder de yndruk rekke fan de earnst dy't de arbeiders oer har hiene. Manlju en froulju hiene dêr deastil njonken inoar sitten te harkjen. Samar yn har ienfâldige deiske klean, hastich út it wurk weistapt. De stoer dy't hja bydrage moasten yn de kosten, koene se soms hast net iens misse, mar hja hiene it der foar oer om in wike lang te soberearjen om der dochs by wêze te kinnen. En der wie songen mei in gloede en in oerjefte, sa't hja it yn tsjerke mar komselden meimakke hie. Hja hie it hearlik fûn om har opnommen te fielen yn dy mienskip fan ienfâldige minsken, dy't in fêst doel foar eagen hiene: te bouwen oan in rjochtfeardiger maatskippij! Hjir barde wat gruts, eat dat fier útstiigde boppe har eigen deistige noeden, fier boppe har persoanlike lok, sa hie se it ûndergien. En har Piter, dy't dêr dy jûns de propaganda-taspraak hold út namme fan de Fryske Folkspartij, waard ien fan de lieders fan de grutte sosjalistyske beweging, dêr wie foar har gjin mis op!
It wie him oars yn it begjin net tafallen om akseptearre te wurden middenmank de foaroanmannen. Sa'n advokaat út in liberaal nêst hiene hja earst mar frijwat in skalk each op hân. Wat woe sa'n man winliken berikke? Wat wiene syn motiven? Moai waar spylje om hegerop te kommen yn de polityk? Karriêre meitsje oer de rêgen fan de arbeiders hinne? Hy hie him yn de folksbeweging ynfjochtsje moatten lykas destiids yn it Grinzer Corps. Fan syn warberens yn it studintefermidden hie er in soad leard dat him no goed fan pas kaam, sei er tsjin har. Troch syn dichtsjen en syn stikken yn de krante hie er al in protte freonen ûnder it folk. Hy hie al withoefaak in mannichte tasprutsen, hy koe organisearje en hie kunde oan krantelju, printers en útjouwers. Piter hie der heech fan opjûn, as moast er him noch altyd rjochtfeardigje foar har oer. En hy moast dochs ek noch hiel wat byleare. Mei ynmoed hie er him wer oan de stúdzje set en alles lêzen, wat er mar yn hannen krije koe: de wurken fan Marx, Engels, Liebknecht, Lassalle, letter Kropotkin, Kautsky en Joseph Dietzgen en hy reizge gâns gearkomsten ôf. Hja hie doe fannijs de measte jûnen allinne thús sitten. Foarby wiene de húslikens en de rêst! Foarby de noflike oerkes yn de stille studearkeamer! De soarchsume oansteande heit fan de oare kears dy't | |
[pagina 104]
| |
sa geniete hie fan syn gesellich thús, hie him wer like ûngeduerich field as yn syn earste stúdzjejierren. Der barde wat en hy soe derby wêze! It wie dochs syn aard net om him rêstich del te jaan. ‘Sjoukje, leau my, do bist leaf en ik hâld fan dy, sa't ik nea earder fan immen hâlden haw! Dieuwke is my alle dagen in boarne fan djippe freugde, mar jimme frouljuswrâld is my dochs te benypt.’ Hja hie syn ûnrêst speure kinnen: der streamde him in nije krêft troch it bloed. It wie as in befrijing foar him, dat er foar it earst yn syn libben in kar dien hie sûnder rekken te hâlden mei wat syn heit mei him foar hie. Hja seach, hoe't er hyltyd mear it fertrouwen fan de arbeiders wûn en aloan wer nije ynspiraasje fûn yn syn kontakten mei de warbere manlju yn de Beweging. Lourens Zandstra, de âld smid mei syn patriarchaal burd, wie him ta in faderlike learmaster wurden. ‘Der sit piid yn it folk, Sjouk!’ hie er op in kear tsjin har sein. ‘No't ik Jan Stap, de foarsitter fan “Broedertrouw” op It Bilt en dy syn kammeraat Van Tuinen ferdigenje moat, haw ik my ris goed ferdjippe yn harren libbensomstannichheden. Sokken moatte hiel wat trochstean kinne, mar wat binne it in keardels! As ik dat sjoch, dan leau ik yn de krêft fan de fjirde stân. Hy sil komme, de nije tiid! Wy geane ta op in bettere wrâld, dêr bin ik wis fan.’ | |
9.Mei't de winter dat jiers al betiid ynfoel, wie it foar har al gau te beswierlik wurden om noch te reizgjen. Moedich weau se Piter nei, as hy der jûns noch wer op út moast. Hy die it dochs mar, har man! Rûnom yn it lân stie er as pleiter yn arbeidersprosessen. Hy wie soms dagen en nachten lang fan hûs. Dat yn Ljouwert syn advokatepraktyk ûnderwilens ferrûn, hawar, it skynde Piter net te dearen, moast hja har dêr dan drok om meitsje? Wat hie se doe winliken witten fan de wearde fan it jild? Hja hie der gjin aan fan hân! Heit en Mem hiene der har nea gjin grutte soargen om meitsje hoegd en hja hie der sels ek noch noait oer ynsitten. It like útsletten, dat hja it ea echt krap krije kinne soene. As der in berop op Piter dien waard om wat út te sykjen, om in redefiering te hâlden, om in earme lúsangel te ferdigenjen, dan wie er ree. Dat sei | |
[pagina 105]
| |
himsels en hy die it mei nocht, al stie der meastentiids net iens in behoarlik honorarium foar oer. Hy moast, it wie syn ropping. En hja? Hie hja net pleehtich ûnthjitten him stypje te sillen? As er al ris wurch of twivelriedich thúskaam, dan besocht se him wer moed yn te sprekken. Hy moast foaral nearne oer ynsitte: hy hie ommers in taak te folbringen en jild wie mar dea guod!
Soms foel it har lykwols dochs swier. Mei skrik fernaam se, hoe hurd oft it no sekuer ôfmetten húshâldjild har troch de fingers rûgele. As hja Hiltsje útteld hie, wat dy brûke moast foar de boadskippen, dan wie der al hast neat mear oer. Doe't hja swierder waard, woe se dochs wol graach wat nijs hawwe. Piter hie dat folslein ûnnut achte. Koe se it kleanspul, dat hja mei Dieuwke droegen hie net wat fermeitsje? Hja wie ommers sa'n handich skroarske! Mar dat wie manljuspraat, fansels. Dieuwke wie yn july berne en de nije poppe waard yn jannewaris ferwachte. Ien of twa knappe winterjurken soe se dochs hawwe moatte en in wide mantel. Piter hie tajûn, mar doe't er letter de rekken ûnder eagen krige, wie er begûn te foeterjen. ‘Wat moatsto mei sokke djoere klean? Sa'n pronksucht past dy no net mear! Dat soest sels oanfiele moatte. Koe it net wat soberder? It is ommers mar foar in pear moanne?’ Hja liet him prate, mar it makke har slim fertrietlik. Hja woe echt wol graach in goede sosjaliste wêze, mar har eigen smaak hoegde se dochs net oan de Beweging op te offerjen? Fûn har man it dan net mear belangryk, dat hja der goed útseach? Woe er net mear grutsk op har wêze? Mei noch mear iver siet se ta de nacht út te naaien oan nije jurkjes en oan in manteltsje mei in moai wyt mûtske foar Dieuwke. Hja mocht graach wat mei har famke pronkje. It wie ek sa'n skatsje mei har moaie ljochte krollen. As hjasels kreas ferklaaid efter de hege bernewein rûn, dêr't Dieuwke al moai rjochtop yn sitte koe tsjin it kanten kessen oan, dan fielde se, dat de lju har efternei seagen. Hja koe it net helpe, mar dêr belibbe se in triomfantlike wille oan. Hja moasten ris witte, de minsken, hoe jaloersk hja eartiids west hie op har suster! Namste grutter wie har freugde no't hja mei har eigen leaf berntsje út te kuierjen gean koe. Mar doe't hja Dieuwke op in mylde neisimmerdei nochris meinom- | |
[pagina 106]
| |
men hie nei de Prinsetún en harsels ek wer ris noflik betsjinje litten hie fan molke en wafels op it terras fan de soasjeteit, doe spuide Piter dêr raar guod fan. Foar it earst yn harren houlik krigen se dêr doe echt spul om. Hja woe har net alle plezierkes ôfnimme litte, hie se sein. Ivich en erflik siet hja mar yn 'e hûs op dy tsjustere boppewente, dêr mocht Piter ek wolris oan tinke! Hy fleach ommers sels witwêrsanne, moete in hiele protte lju mei wa't er prate koe, mar hja siet mei har útweakjend liif dei út, dei yn allinne yn 'e hûs mei it bern. Hy hoegde om har net thús te bliuwen, mar dan moast er har de wille ek gunne! Hoe faak gie hysels noch mei har út, nei de skouboarch, op besite of sels mar te kuierjen? Nea ommers! It like wrachtich wol, as skamme er him foar syn wiif! Dy hiele jûn hie Piter sitten te stúmjen boppe syn papiereboel en al dy tiid hie hja har skuldich field. Dom dwaan ek, no wie er ris in jûn thús en dan sa. Dea-ynein wie se om healwei tsienen hinne mar op bêd gien. Piter hie ta de nacht út trochwurke. Doe't er einlings njonken har skode - hoeden om har net wekker te meitsjen - hie se beard, dat hja sliepte. | |
10.Gelokkich hie Hiltsje doe noch by harren tsjinne. Dat wie in baas help! En mear! De faam wie su ver in freondinne foar har wurden yn dy moannen dat hja oars hast gjin minsken moete. Wat koe dy Hiltsje aardich fertelle oer de húshâlding dêr't hja út kaam. Acht bruorkes en suskes hie se en har Mem wie mei allegearre like wiis en soarge derfoar, dat hja meiinoar in feilich en waarm thús hiene, al moast it och sa sober om en ta gean. Nijsgjirrich wurden troch de ferhalen fan de faam hie se in kearmannich nei Wergea ta west mei Piter om by Hiltsje har folk te sjen. Ien kear sels op redens; dat hie prachtich west. Piter foarop en hja noflik efter syn rêch streekjend, de rjochter hân yn sines en it stokje ûnder har oare earm. It wie wol in hiel ein, mar it hie in geniet west sa feilich yn 'e lijte fan har man te riden. En by Harmke-en-dy wiene se tige freonlik ûntfongen! Hja hie har de eagen útsjoen. Dat der yn sa'n lyts húske tsien minsken, grut en lyts, libje koene. | |
[pagina 107]
| |
Hiltsje hie ek in suske ferlern, hie se op in middei ferteld, doe't hja tegearre fertroulik wat sitten hiene te praten ûnder it optearen fan de wask en hjasels oer har suster Katrine begûn wie. Dat famke hie noch lyts west, mar Hiltsje har mem hie it der dochs swier mei te krijen hân. Likegoed hie se daliks wer mei oanpakke moatten. Der hie amper tiid west foar fertriet. Troch alles wat hja yn it lytse húske sjoen hie en fan Hiltsje hearde, hie se in djippe bewûndering krige foar dat ienfâldige arbeidersminske. It wie in wûnder, dat sa'n mem as Harmke altyd mar leaf en fleurich bleau ûnder har soargen. As hja letter wer oan dy earme frou mei har grutte húshâlding tocht, dan skamme se har om har eigen ûntefredenens. Hja krige alle dagen mear as sêd en hie fansels alhiel gjin rjocht om te kleien yn har waarm hûs! Mar koe hja it helpe, dat se it sa hiel oars wend west hie?
Somtiden wie se jûns sa wurch, dat hja it net mear opbringe koe en wachtsje op Piter, as dy noch let fan in gearkomste thúskomme moast. Wol gauris hie se dan oan har heit tocht. Wat soe it hearlik wêze, as Piter him no ek ris mei syn dochter bemuoie koe. Mar as hja soks neamde, dan lake er har út. Der wiene wichtiger dingen dy't syn oandacht fregen. Hja moast ris tinke oan de froulju dy't de hiele dei yn 'e kjeld op it lân omskrepten en thús gjin tsjinstfaam hiene. Dan joech se mar wer belies en as hja betocht, hoe drok oft er it hie en hoe wurch as er soms taseach, dan besocht se, as hja sa jûns allinne yn 'e keamer siet, mar wer ynmoedich om de taak dy't er har opdroegen hie, sa goed mooglik út te fieren. As hja no ris wat dwaan woe, dan soe se him goed helpe kinne, hie Piter op in kear sein. Dan moast se út boeken en blêden alle stikken oangeande de arbeidersbeweging sammelje, dy't se by it trochlêzen tsjinkaam. Hy hie abonneminten nommen op ûnderskate kranten, ek op bûtenlânske, en jûnen lang siet se dêr sûnt dy tiid mei te lêzen foar him. Fan de boeken skreau se gearfettings en alle krante-artikels dy't him ea nochris fan nut wêze koene, knipte se út en dy oardere se sadanich, dat der linkendewei in brûkber dokumintaasjesysteem ûntstie. | |
[pagina 108]
| |
11.Der hie doe ek noch in oare kwestje west, dêr't hja it swier mei hie. Piter fûn, dat hja betankje moast as lidmaat fan 'e tsjerke. Sels wie er fan hûs út net tsjerklik - net iens doopt - en hja hie har by de lêste fertilizing ek al net iens mear oerskriuwe litten nei de herfoarme gemeente fan Ljouwert. ‘Jim heit, dat is in útsûndering, Sjoukje, mar de measte tsjerkelju dogge ommers fierstente min foar de earme minsken, dat witsto sels dochs ek wol, ast earlik biste? Hja litte út eigenbelang grouwélige misstannen fuortbestean en besykje de ienfâldige sielen lyts te hâlden troch har nei de himel te ferwizen. God hat de stannen wollen, sizze de dûmnys en de minske mei net yn opstân komme tsjin syn lot.’ Hja moast him meistimme, dat dat net striek mei de opfetting fan de sosjalisten dat alle minsken gelyk binne en as bruorren mei-inoar hearre te libjen op dizze ierde. Dat, doe't Piter in brief opsteld hie foar de tsjerkerie om offisjeel te betankjen, doe hie hja dy ûnderskreaun. Man en frou hearden ien te wêzen yn sokke dingen! Mar inerlik hie se der noch lang net klear mei west. It pleage har, dat hja wat opjaan moast, dat har troch har âlden fan jongsôf foarholden wie as goed en weardefol. Sûnt harren âldste skoansoan mei alles brutsen hie, hiene Heit-en- dy sels ek net sa drok mear nei tsjerke rûn en alhiel net mear doe't hja ienris yn Gelderlân wennen, mar hja fielde it dochs as in ferrie oan it âldershûs. En as hja allinne oan it wurk wie yn 'e hûs, mindere se noch wol gauris in gesang of ien fan de psalmen, dêr't Mem sa fan hold en har jûnsgebet sloech se ek mar komselden oer. Hja koe ommers ek wol stil ûnder de tekkens de hannen gear dwaan en sa, wylst hja it nije libben yn har skoppen fielde, mei God oer har soargen prate. | |
12.Yn de twa jier neidat Piter besletten hie syn ropping te folgjen, barde der sa'n soad, dat hja eins jierren letter earst goed foar it ferstân krige hie, hoe't it iene it gefolch fan it oare west hie en hoe't hja sta- | |
[pagina 109]
| |
dichoan sûnder it te wollen, mar ek sûnder it noch keare te kinnen yn de problemen bedarre wiene. Swiere problemen, dy't troch har siik wurden op in bepaald stuit folslein ûnoplosber like hiene. Of hie har sykte krekt it gefolch west fan de soargen? It hie lang duorre ear't hja wer wat stjoer krige hie oer har eigen libben. Winliken wie it mei de komst fan Jelle al begûn, dat alles har by de hannen om 't ôf briek. Tsjin de berte fan har bern hie se alhiel net opsjoen. Sa'n twadde kear soe it wol flot gean, hie se yn har ûnnoazelens miend. Mar doe't it heal jannewaris 1891 safier west hie, wie har dat ôfgryslik ôffallen. Neidat hja oeren en oeren lang moedich har bêst dien hie, wie se sa wurch en mislik fan de pine, dat hja net mear koe. De befalling hie doe al in nacht en in dei duorre en der like alhiel gjin skot mear yn te sitten. It fielde, as wie de rêch har teskuord. Hja wist net mear, hoe't se lizze moast. Stind hie se en raasd en gûld fan ellinde. It swit stie har yn kobben op de holle en tagelyk hie se it kâld hân. De fleagen waarden swakker. Nea earder hie se har sa dea- en dea-ynein field. Hja hie wier bang west, dat se der yn bliuwe soe. Apatysk liet se mar mei har dwaan, as gie it har net mear oan en liet it bern, dat foar syn libben focht, har folslein ûnferskillich. Efternei hie se har dêr ôfgryslik oer skamme.
Wat der bard wie, dêr hie se sels letter it measte net mear fan witten; hja wie der grif út en troch eefkes by weifallen, want it heugde har noch al, dat de baakster har op in stuit in bûsdoek mei rûkersguod ûnder de noas treaun hie en har sêft tsjin it wang kloppe. De oare deis hie Piter har ferteld, hoe't it gien wie. Hy hie it op in bepaald stuit ûnder op syn kantoar net mear bankje kinnen en wie op it getsier en geheister boppe syn holle ôfkommen. ‘Giet it wol goed, dokter?’ hie er frege. ‘Ik meitsje my ûngerêst, it duorret in ivichheid dizze reis!’ De dokter hie oan 'e ein fan syn Latyn west en wie begûn te flokken. ‘Ferdomme, is my dit moardzjen! Hoe't it komme moat, ik wit it net, Troelstra, no haw ik al safolle bern helle, mar ik wit it noch noait. Soms kin it hiel wat lije, mar dit giet mâl. As jo wiif no har bêst noch mar ris dwaan woe, mar hja liket wol net mear oansprekber te wêzen. Oft ik no leaf praat of kettermintsje, hja leit dêr mar. Hja hat it oerjûn en dat is in faai teken.’ Doe hie er mei syn houten ynstrumint op har búk harke en sein, dat | |
[pagina 110]
| |
it hertsje fan de poppe noch moai regelmjittich tikke, mar dat it dochs net te lang mear duorje mocht. Piter hie besocht har moed yn te sprekken en te treastgjen, mar hja hie de hân ôfskodde, dêr't er har mei streakje woe, omdat er him sa skuldich fielde. Hja hie it op dat stuit net mear ferneare kinnen, dat er oan har kaam. De baakster hie har oanhâldend geduldich oantrune; dy hie har de hannen ûnderyn de rêch lein en besocht mei wriuwen de pine in bytsje te ferlichtsjen, dat hie har grif wol noflik west, want dat hie se gewurde litten. De dokter prate yn it lêst allinne mar mear tsjin him, as hie hja dêr net lein yn uterste need. Dêr hie er argewaasje fan hân: de man wie him ek as in boal foarkommen. Sûnder de sinjalen fan har lichem langer acht te slaan hie dokter skuord en wraamd en úteinlik middenyn 'e nacht de poppe te wrâld holpen. ‘In soan,’ hie er nei Piter roppen, dy't it net langer oansjen kinnen hie en - syn rie tenein - krekt wer even op 'e gong omrûn hie. Hy wie hastich de sliepkeamer ynkommen en hie noch krekt sjoen, hoe't de man it berntsje by beide fuotsjes beet hie, op 'e kop hold en tsjin de biltsjes sloech. It bern hie aaklik blau sjoen, mar it gûlde. ‘Lokwinske, Troelstra,’ hie er oer it leven hinne raasd, ‘set no de flesse mar klear, ik haw wol in buorrel fertsjinne!’ Dokter hie de hannen wosken, syn spullen byinoar krige en de baakster betsjutte, dat it fierder foar har opkaam.
Dat momint koe se harsels ek noch wol sa'n bytsje yn it sin bringe. It hie har suver ferromme, dat de manlju de keamer út giene. Frou Jagersma hie har de poppe toand, doe't hja him wosken en yn it pak stutsen hie, mar sels har bern hie har op dat stuit net folle skele kinnen. Hja hie net nei him taald en liet it minske mar oanpiele. Hja hie lein, dêr't hja lei, wylst de baakster har ferskjinne en hie allinne noch mar winske, dat dy har ek mei rêst litte soe, sadat hja einlings sliepe kinne soe. | |
13.De oare deis hie se alles gelokkich al wer mei oare eagen sjoen. Se frege Piter om har it berntsje te bringen en doe't hja har man mei de | |
[pagina 111]
| |
lytse jonge op 'e earm by it bêd stean seach, fielde se dochs likegoed wer in grutte blydskip yn har opwâljen. Gelokkich, mei de poppe like alles ynoarder. Dêr hie se hast net iens mear op hoopje doarst. Sa tusken weitsjen en sliepen yn hie se yn de neinacht de aaklikste bylden fan deade en miswoeksen berntsjes foar eagen hân. By de berte fan Dieuwke hie it besef mem wurden te wêzen har oerstjalpe mei in alles oerhearskjend loksgefoel, grutter as wat ek mar, dat har earder bliid makke hie. No wie dat oars: hja fielde har lyts, as wie se te koart sketten by it bernjen en hie se dêrom sa'n prachtich geef jonkje net mear fertsjinne. ‘Jou him my ris,’ frege se. En hiel stil hie se doe nei har soan sjoen, dy't Piter by har op 't bêd lein hie. Mei de toppen fan 'e fingers streake se och sa hoeden it holtsje, it sêfte donkere hier dat noch in bytsje wiet like, de lytse hantsjes. Hja koe har hast net sêd sjen oan dat mantsje yn 'e wynsels. Wat rûkte er hearlik, wat wie er lekker waarm! Hja krige him op om him te koezjen yn 'e earmen, mar alle bewegingen diene har noch sear. Doe waard it berntsje ûnrêstich en brocht Piter him mar gau wer nei syn widske. ‘Hat dokter noch wat sein, Piter? Hy hat my ôfgryslik sear dien, mar dat sil wol net oars kinnen hawwe. Ik wist net, dat dy man sa wreed wêze koe. It duorre ek sa aaklike lang dizze kear. Hoe let is de poppe eins berne?’ ‘Noch krekt foar tolven, justerjûn, dus noch op de 17de jannewaris.’ Piter gie by har sitten en streake har hannen dy't slop en wyt op de tekkens leine. ‘Wat bist kâld, ju, sil ik dy ris lekker ûnderstopje? Moatst dy mar hiel kalm hâlde foarlopich, Pop. Dokter komt fan 'e middei noch even wer te sjen; do koest dy it bêste mar deljaan, hat er sein, en besykje wat sliep yn te heljen! Hast ek sin oan wat? Sil ik dy wat bringe?’ ‘Nee, ik ha nearne gjin ferlet fan.’ ‘It hat in swiere befalling west en do hast in protte bloed ferlern. Mar mei it bern liket gelokkich alles goed. “In stevige knaap,” sei dokter. Goed acht pûn.’ Wylst hja de eagen alwer ticht hie, hie Piter noch troch praat: ‘In dochter en in soan hawwe wy no, Sjoukje. In rikeljuswinsk, neame se dat sa net? Ryk sûnder jild dan, mar dochs ryk.’ Foarsichtich tute er har op de foarholle. ‘Do sjochst sa aaklike smel ta mei dy donkere kringen ûnder de | |
[pagina 112]
| |
eagen, Sjoukje. Dochst my no sa oan ús mem tinken dat ik der bang fan wurd. Mem wie ek sa ynein nei de berte fan lytse Albert. En twa moanne letter wie hja wei. Ik fiel noch de kjeld fan dy stille wite hannen op it lekken, doe't ik fan Heit Mem dachsizze moast en har sûnder erch beetkrige.’ Syn lûd trille sa, dat hja him wer oansjen moast. Piter wie sels ek wurch en ynein. Hy hie twa nachten yn 'e wapens west en it wie skoan te fernimmen, dat de berte fan harren soan him oangrypt hie. ‘O, Sjoukje, bliuw by my, ik kin dy net misse,’ lústere er. Krigel sei se: ‘It komt wol goed, ju, as ik earst mar wer wat útrêst bin en de rêch my net mear sa sear docht.’ Piter bûgde him nochris oer har hinne. ‘Do fielst gelokkich net gleon oan. Silst it sizze, ast tinkst datst koarts haste? Ik moast goed yn de gaten hâlde, ofst ek ferheging krigest, dan moast ik dokter fuort warskôgje.’ Hja knikte en die de eagen wer ticht, dea-wurch fan dat koarte skoftke praten. | |
14.De jûns brocht Piter har ferslach út fan de reis dy't er makke hie. ‘Suver wer wat moediger, neidat ik mei dy praat hie, rûn ik de Weard troch, foar it Hôf del nei it stêdhûs. “Ik wol myn soan oanjaan en hy hjit Jelle Piters Troelstra,” sei ik wakker grutsk tsjin de amtner fan de boargerlike stân. “Lokwinske, Meester Troelstra,” andere de man, “in lytse genamt dus, dêr sil mynhear syn heit wiis mei wêze, dat der by jimmes in stamhâlder berne is, as ik him fan 'e middei sjoch, sil ik him felisitearje. Is it goed mei Mefrou en mei de lytse?” Och, Sjoukje, en doe krige de ûngerêstens my wer te pakken. Ik haw mar wat knikt en bin doe hurd wer ôfset. Ik krige ynienen dyn bleke kopke wer foar my, djip yn de kessens, mei dy grutte, wurge eagen en sa wyt, sa wyt! Doe't ik wer bûtendoar stie, fernaam ik ynienen, hoe roetkâld as it wie; op 'e hinnereis hie ik dêr alhiel gjin euvelmoed yn hân, sa fol wie ik fan myn boadskip. It hat hjoed de hiele dei troch fûl ferzen en no is it noch mar mids jannewaris, it kin jit moannen oanhâlde. Wat | |
[pagina 113]
| |
in lijen! En no moast ik yn dy kjeld ek noch hielendal nei it oare ein fan de stêd ta. Ik frege my ôf, oft ik earst mar net even wer thús sjen moast. Hiene dyn eagen dochs net wat ûnnatuerlik skittere by it dachsizzen? Mar dat like my ek wol wer wat oerdreaun; do soest grif noch sliepe, ik moast dy dyn rêst gunne, de baakster wie by dy en Hiltsje. Underweis rûn ik oan ien tried wei oan dy te tinken. Datst sa'n swiere reis hân hiest! Datst sa de moed ferlern jûn hiest en dat ik dat net ferwachte hie. Oars bist ommers altyd sa'n krigel lyts wyfke!’ Hy seach har midden yn syn ferhaal ynienen freegjend oan. ‘Spant it dy ek te folle yn, Sjoukje, as ik sa sit te praten?’ Hja hie him betsjut, dat er mar fierder fertelle moast. ‘Ik wol dy net ûngerêst meitsje, Pop, mar dokter hat my dochs wol wat ûnwis makke oer dyn tastân. Hy wie der sels ek mei oan, wol ik leauwe.’ ‘Fertel no mar fierder, ju, wy hawwe it beide oerlibbe.’ ‘No hawar, ik wie noch ûnderweis nei Heit ta, safier wie ik, no? Al prakkesearjende rûn ik dus it Hearewaltsje ôf, by de Waach del en doe de Wurdumerdyk út en foar de nije Beurs lâns. Ik woe de famylje perfoarst persoanlik meidiele, datsto my in soan skonken hiest. As Heit dat fan 'e middei op it stêdhûs fan in oar te hearren krige hie, dan soe it der raar bystien hawwe, tochtst net?’ ‘Jawis, dat hie er dy nea wer ferjûn.’ ‘Wolno, ik stapte fiks ta, sa goed en sa kwea as dat yn dy opferzen glysterigens gie, alteast. Ik foetere op dy kwalstertroep en rûn te kleien oer dat ein rinnen oant ik betocht, dat ik eins alle reden hie om lokkich te wêzen. “In stamhâlder,” hie dy amtner sein, “in genamt foar jo heit.” Ik beriddenearre yn mysels, dat der al lang Jelles west hiene by de Troelstra's, mar dat de namme Piter earst troch myn oerbeppe, Martjen Pytters, yn de famylje brocht wie. Dat myn eigen pake de earste Piter Jelles west hie. Dy haw ik sels net kend, Sjoukje. Pake Piter wie hellingfeint op 'e Lemmer, mar hy is jong stoarn. Hat him ferwrotten, lykas safolle arbeidersminsken. Mei trije jonges is Beppe Tryntsje doe efterbleaun. Heit, de earste Jelle Piters, hat it fan feintsje by de goudsmid ta wethâlder brocht. No haw iksels - as earste fan myn famylje - studearje kinnen oan de universiteit en mei my Mr. Dr. Troelstra neame. Ik fielde my - hânbûkjend om de kjeld te | |
[pagina 114]
| |
ferslaan - dochs suver grutsk, omdat der nei in tiid fan delgong no sa'n moaie opgeande line troch ús famyljeskiednis rint. Piter Jelles, Jelle Piters, Piter Jelles, Jelle... en doe besefte ik ynienen ek, dat ik op dat stuit foar it earst eins oan ús soan tocht hie as oan “Jelle”, wylst er earder hyltyd noch “it berntsje” foar my west hie of “ús soan”. Is dat net frjemd, Sjoukje? It kaam my foar, as wie de jonge my ynienen folle mear eigen wurden, no't ik him syn plakje yn de generaasjes taparte hie. Oerpake, pake, heit, soan...’ Hja sei, dat hja der bliid om wie, dat hja ôfpraat hiene it bern, as it in jonkje wêze mocht, dochs de âlde namme te jaan, ek al wie de ferhâlding mei Pake Jelle dan net sa bêst mear. Der siet dochs wat moais yn de tradysje fan it ferneamen. ‘Ik wie ek bliid, dat ik de reis nei ús heit-en-dy daliks makke hie, hja wiene echt op it skik mei it nijs en ús Haukje komt sa gau mooglik te sjen. Fan Heit moast ik dy de hertlike lokwinsken oerbringe en do soest foaral goed om dysels tinke, hat er sein! It sil my gjin nij dwaan, as er sels hjoed of moarn ek op 'e stoepe stiet om de lytse Jelle te bewûnderjen. Hy wie der echt mei ynnommen.’
Yn de dagen dêrnei hie Piter geregeld in hoartsje by har bêd sitten te praten. Dokter hie der wer west en dy hie jitris sein, dat hja perfoarst goed útrêste moast, ear't hja har wer mei har deistige dingen dwaande hâlde koe. De baakster moast mar wat langer bliuwe as ornaris, hy stie har tastân hyltyd noch net rjocht. Piter hie dat ûnderwilens al regele mei frou Jagersma. It like wol, as hie er troch de berte fan syn soan ynienen wer folle mear each krige foar de húshâlding. De Beweging wie wat op 'e eftergrûn rekke en hy prakkesearre der grif ek op om, hoe't er harren bestean yn 'e takomst wer wat in wissere basis jaan kinne soe. ‘Och, Sjoukje, wat sil der út ús lytse Jelle groeie?’ frege er op in middei, doe't er har it jonkje brocht hie, dat drinken hawwe moast. ‘Soe er like steech en strang wurde as syn pake Jelle? Ik hoopje fan herten, dat er in minder swier libben krije sil. Wat soe er wurde wolle, tochtste, letter?’ ‘Hy moat earst mar ris sjen, oft syn mem hjoed genôch tate foar him hat, oars moat er mar wer wat út in fleske ha. Wat er wurde wol, liket my eins mear wat fan letter soarch!’ ‘Do hast alwer gelyk, Sjoukje, dêr moatte wy ús de holle no noch mar | |
[pagina 115]
| |
net oer brekke. Ik kin my better earst ris deeglik op myn eigen takomst beriede. Wy hawwe no de ferantwurdlikheid foar twa bern en mei myn advokatepraktyk giet it wat langer wat minder. Dat kin sa net! Witste, ferline simmer nei de grutte kiesrjochtmanifestaasje op It Hearrenfean, doe seach ik myn takomst sa klear foar my, noch better as doe yn april yn Ljouwert. De advokatuer paste alhiel net mear yn myn plannen. Ik woe as propagandist en as sjoernalist oan 'e slach. Doe haw ik sawol Domela Nieuwenhuis as myn âlde freon Japik Hepkema myn tsjinsten as ferslachjouwer oanbean, mar by beide nul op it rekest krige. Dochs wol ik it eins noch altyd dy kant út besykje. Oebele folget de saken wis wol aardich yn it Folksblêd, mar der soe no dochs in echte sosjaal-demokratyske krante komme moatte. Soks op te setten, dat soe no krekt wat foar my wêze, tochtsto net? Mar it jild! Ivich en erflik dat jild! It ûntbrekt my folslein oan de middels om sa'n plan út te fieren. Ik mei bliid wêze, dat ik myn ynspekteursbaantsje by Heite fersekeringsmaatskippij noch haw. De Neerlandia jout ús alteast noch in bytsje finansjele wissichheid.’ ‘As ik aanst wer sterk bin en wy gjin ekstra help mear brek binne, kinne wy faaks noch wol wat suniger libje, Piter. Dan kin ik ek wol wer wat fan it skriuwwurk foar dy dwaan.’ ‘Do moatst dy gjin soargen meitsje, Sjoukje, ik woe dy net oanfiterje, sa moatst dat net opfetsje, dat wie alhiel de bedoeling net, mar ik hoopje fansels ynlik, datst gau wer alhiel de âlde wêze silst, sa is it al. Hoe liket it, krijt ús jonkje hjoed sêd? Jou him my dan mar wer.’ Wylst Piter handich as in bernefaam de lytse jonge ferskjinne, sei er noch: ‘Ik moast der eins nedich wer ris op út foar de propaganda. Ik moat my der by jaan.’ | |
15.It wie mei har opknappen nei it kreambêd fan Jelle hielendal net tafallen, sa't hja yn it earstoan noch hope hiene. Krekt oarsom. Moannenlang hie se omgammele. It wie ek noch in ôfgryslik strange winter wurden, dy fan 1890 op 1891, mei in protte snie en fûle froast dy't wiken en wiken oanhold. It iis yn de stedsgrêft foar hûs lei der op it lêst rare smoarch by en sels de bern taalden net mear nei riden. | |
[pagina 116]
| |
Under Loppersum brânde in kapitale pleats ôf fan in boer dy't by de Neerlandia fersekere wie. Trochdat it iis tsjok yn de sleatten siet, wie der foar de brânwar gjin begjinnensein oan om it fjoer te dwêsten, dat yn 'e koken begûn wie, doe't ien fan de fammen in petroaljestel omreage hie. Doe't hja in bit yn 'e grêft hakt hiene en einlings wetter krije koene, wiene de flammen al út 'e skuorre slein. It fee hie de boer der noch mar krekt op 'e tiid úthelje kinnen. Piter moast derhinne om de skea op te nimmen. Hy hie in barre tocht hân, dy't er foar in part op redens meitsje moast, omdat de diken fan it stasjon ôf ûnbegeanber wiene. Hjasels hie yn dat winterwaar hielendal net bûtendoar komme doarst. Nei't hja wikenlang lêst hân hie fan in pynlike ûntstekking, koe se it bern krekt sa'n bytsje oan it boarst ferneare, mar hja bleau swak en soe grif maklik kjeld skypje en dan wiene hja noch fierder fan hûs. It wie in wûnder, dat de poppe it sa goed naam, dat hold har op fuotten, mar mear as it bern te drinken jaan, koe se ek net. Hja hie noch te wurch west om sels mar wat te boartsjen mei it lytse famke. De hiele húshâlding moast se oan Hiltsje oerlitte.
Ein maart waard lang om let it waar in bytsje mylder en doe wiene hja op in jûn nei iten foar it earst wer ris in eintsje te kuierjen gien. Winliken allinne mar, omdat Piter dêr sa op oanstie. Hy woe har der ris út ha, hie er sein, hja moast wer kleur op 'e wangen krije. ‘Kom, ju, in eintsje mar, even de Lange Piip oer en by de nije winkels del.’
It like har ek wol gesellich ta, mar doe't hja oan 'e ein fan de Nijstêd wiene en hy útstelde om de Toerstrjitte troch te gean en noch even de Prinsetún yn te rinnen, omdat it sa'n moaie stille jûn wie, doe hie se tsjinaksele. Hja wie alwer sa ynein, dat hja leaver daliks de stille kant fan de grêft del op hûs oan woe. Swier hingjend op Piter syn earm wie se wer by de Weard belâne, mar se koe de treppen nei it wenhûs net iens mear opkomme, sa ferskriklik benaud wie se. Op it kantoar moast se earst in skoft útpûste, ear't hja - och sa hoeden en stadich - nei boppen rinne koe. It antlit wie har alhiel ferlutsen fan de kramp. Nei in hiele protte ûndersiken hie úteinlik bliken dien, dat hja it slim oan it hert hie. Dat ferklearre alteast, wêrom't hja hyltyd noch sa wurch west hie, mar it wie wol in wreed boadskip. | |
[pagina 117]
| |
‘Tenei dus mar hiel kalm libje, mear is dêr net fan,’ sei dokter, ‘en alle spanningen mije.’ Sa'n dokter hie maklik praten, tocht se, ‘alle spanningen mije’, hoe soe dat kinne yn har omstannichheden? Dat wist er sels dochs ek wol? Hja hie twa lytse bern op 'e noed en har man hie it al lang wer smoardrok mei syn eigen dingen.
Dyselde simmer soe Hiltsje Feenstra trouwe mei de postboade Johannes de Vries. Hja kamen yn Huzum te wenjen en dat wie te fier fuort foar de faam om by har oan it wurk bliuwe te kinnen. Hiltsje woe dat ek net, hja krige no har eigen húshâlding. ‘Mar ik wit wol in oarenien foar Mefrou,’ hie se fuortendaliks sein, doe't hja har it nijs fan de bruiloft fertelde. ‘Antsje van der Schaaf fan Grou, dy hat tagelyk mei my op fraachlearen west en dat is in fiks en troch ende troch betrouber fanke. As Mefrou it mei har weagje doar, sil ik, foardat ik myn tsjinst ferlit, Antsje wol sa goed ynwurkje, dat hja har hjir selsstannich mei de húshâlding rêde kin en it wurk aanst dien wurdt, sa't Mefrou dat fan my wend is, dêr hoecht Mefrou net oer yn te sitten!’ Hja fielde har tige tankber foar Hiltsje har goede soargen, mar in wykmannich letter hearde se tafallich, hoe't de oansteande breid - frijmoedich as hja wie - de nije faam op 'e hichte brocht fan de situaasje by harren yn 'e hûs: ‘Mynhear hat it slim drok. Moatst der foar soargje, Antsje, dat syn kantoar oprêden is en dat er goed yt, mar fierder meist him net faker lestich falle mei húshâldlike saken as perfoarst nedich is, hear. Sa sunich mooglik mei it jild, it komt tsjintwurdich frijwat krap om en tink derom, datst Mefrou, safolle ast’ mar kinste, it wurk út hannen nimst. Sûnt de berte fan de lytse jonge is hja noch nea wer de âlde! It stumper! Silst ek foaral goed op de bern passe? Lytse Dieuwke is sa fluch as wetter, dy ûntkomt Mefrou noch wolris. Hja wol net oan it hantsje rinne, mar dat moat al, hear! Oars krije wy ûngelokken en dan stean ik net foar Mefrou yn. “Gjin lytse bern baas,” seit ús mem altiten.’ De froulju hiene grif net yn 'e gaten hân, dat de doar fan de keamer iepen stie en hja sadwaande wurd foar wurd hearre koe, wat der yn de koken ferhakstûke waard. It wie har raar yn 'e wei. Wat moast sa'n nij famke wol tinke? ‘It stumper!’ Hiltsje har waarm hert, fansels, mar it kaam net te pas, dat hja sa oer har prate! | |
[pagina 118]
| |
16.Hja hie Hiltsje yn it earstoan slim mist. Antsje die har bêst, mar sa fertroulik as mei har foargongster wie se nea mei de nije boade wurden. Dat koe ek net. Hja wie no sels âlder en hie folle mear meimakke, as doe't hja krekt troud wie en noch fan alles leare moast. Foar Antsje oer sjenearde se har, dat hja har taak as húsfrou net waarnimme koe, sa't it hearde en dêrom die se gauris mear as hja winliken oankoe. Sa stumperich woe se net wêze! Letter moast se dat dan wer belije en soms koe se fan de pineholle mar amper ferneare, dat Dieuwke om har hinne boarte en lietsjes foar de poppen song. Omdat hja it beskamsum fûn om midden op 'e dei op bêd te gean, hie se dan mar stil wat mei de hannen oan 'e holle by de tafel sitten, bliid ta as Antsje it bern mei in ferlechje meinaam nei de koken ta. Hja fielde har plan-út ellindich yn dy tiid en frege har soms wanhopich ôf, oft dat dan nea wer oars wurde soe. Hja wie noch mar begjin tritich, dit soene de moaiste jierren fan har libben wêze moatte, hja wiene lokkich troud en hiene twa sûne bern. As hja har der net better by jaan koe, wat kaam der dan fan har belofte oan Piter terjochte? Wat fan harren idealen? Yn maart 1891 hie Piter om har, dêr wie se wol wis fan, de oars tige ferearjende útnoeging ôfslein om him kandidaat te stellen foar de Twadde Keamer as lid fan de Volkspartij. Hy fielde him der noch net klear foar, hie er oan it bestjoer skreaun, en woe earst noch mear stúdzje meitsje fan de prinsipes fan de sosjaal-demokrasy. Mar dat hie net de wiere reden west! Sa koart nei de berte fan Jelle hie er har net noch faker allinne litte doarst! Doe hie hja him dus ek al opkeard yn syn karriêre. Keamerlid wurde, it hie him grif moai talike! | |
17.Stadichoan wie der wat feroare yn Piter syn posysje: it fertrouwen dat de arbeiders yn him stelden, groeide en hy krige mear meistanners dy't syn lieding graach akseptearje woene. Der begûnen har | |
[pagina 119]
| |
twa streamingen ôf te tekenjen yn de Beweging. Domela Nieuwenhuis mei syn Sociaal Democratische Bond waard hyltyd radikaler en Piter dy't yn de Fryske Folkspartij sa njonkelytsen in eigen plak ferovere hie, manifestearre him aloan dúdliker as de oanfierder fan de parlemintêre rjochting. By in gearkomste yn Frjentsjer yn febrewaris 1892 rûn de minne persoanlike ferhâlding tusken Piter en Domela dy't de arbeidersstriid al in skoftlang fertribele hie, út op in slim konflikt. Nieuwenhuis dy't it net ferneare koe, dat der in oare liedersfiguer nei foaren kaam mei ynfloed op wat hy as syn oanhingers beskôge, makke Piter it ferwyt, dat er in profiteur wie, in opportunist dy't mei alle winen waaide. Hie dy Troelstra himsels - noch mar in goed jier lyn - net oanbean as meiwurker oan Recht voor Allen? Om't dy jonge advokaat doe sokke eksorbitante finansjele easken steld hie, hie dat doe neat wurde kinnen, mar wêr helle dyselde gadingmakker oan in baantsje by syn blêd no de treurige moed wei en kear him tsjin de SDB? De taspraak fan Nieuwenhuis wie sa falsk en insinuearjend, dat Piter himsels fûl ferdigenje moast. Hy hie syn tsjinstanner mei syn eigen wurden bestriden en him derop wiisd, dat hy al syn maatskiplike wissichheden opjûn hie foar de klassestriid en net lykas syn oanklager profitearje koe fan in ryk erfskip. Hy hie destiids by dy sollisitaasje al de ferantwurdlikheid hân foar in frou dy't net sterk wie, foar in lyts bern en foar in twadde dat ûnderweis wie. Hy moast sels soargje foar brea op 'e planke! Noch gjin momint hie er der spyt fan hân, dat er syn karriêre as jurist opoffere hie oan de Beweging, dat er syn wisse bestean as advokaat fan de boargerij der foar opjûn hie, mar no't de beteljende kliïntêle syn praktyk mijde, omdat er it weage hie en kies partij foar de rjochteleazen, no moast er dochs echt sjen út syn wurk as propagandist in bestean te beskreppen foar syn húshâlding. As Nieuwenhuis dat opportunistysk neame doarst, dan woe er noch wolris in debat mei him oangean oer de betsjutting fan dat wurd. Wie hy, Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy't goede sier makke mei jild, dêr't er gjin slach foar dwaan hoegd hie, jild dat syn heit fertsjinne hie as heechlearaar yn de teology en jild dat syn twadde mem ynbrocht hie, wie hysels winliken net in grutter opportunist? De sinten kamen him ta, dêr soe er neat fan sizze, Nieuwenhuis wie der earlik oankommen, mar wol op in hiel maklike wize! Net eltsenien wie sa fortúnlik! | |
[pagina 120]
| |
De seal hie nei dat hertstochtlik pleit sa hantsjeklapt, dat syn opponint mar leaver ôfseach fan in werwurd. Piter syn optreden dêr yn Frjentsjer wie sa oertsjûgjend, dat Hessel Poutsma fan Snits him nei ôfrin fan de meeting syn blêd oanbea as in tribune foar syn ideeën. Sa't Domela Nieuwenhuis Recht voor Allen brûkte om te polemisearjen, sa koe Troelstra tenei de Sneeker Courant ta syn foldwaan krije.
Doe't er it har fertelde de oare deis, hie hja daliks entûsjast west. ‘Moai, Piter, dat moatst altyd dwaan, ju, mei beide hannen oannimme dat oanbod fan Poutsma. In eigen krante, dat is krekt watst ommers altyd wollen haste!’ ‘Ja, mar, sa ienfâldich leit it net, Sjoukje. It ferget nochal wat sa'n redaksje. It sil in protte tiid nimme en betink wol, it wurdt de deastek foar myn advokatepraktyk dy't no krekt wer wat mear begjint te rinnen, no't ik my der de lêste tiid wat better by jûn haw. Ik bin no de tredde op 'e list fan Ljouwerter advokaten wat it tal saken dat ik behannelje, oangiet. Ik stean op 'e nominaasje om Mr. Tromp op te folgjen as deken. Moat ik dat no allegear mar wer sjitte litte neffens dy?’ ‘Yn dyn hert bisto gjin advokaat mear, Piter, dat witsto sels ommers likegoed as ik it wit. Do kinst net op twa hynders tagelyk ynsette. Meitsje in kar en gryp de kâns dochs, no't dy dy bean wurdt! Mocht iksels mar fjochtsje en mei foaroan yn de rige gean! Ik soe sa healslachtichnet wêze!’ Hja fielde wol, dat hja har mear opwûn as goed wie foar har swakke senuwen, mar hja koe it net útstean, dat Piter net fûleiniger wie. Deken wurde fan de Ljouwerter advokaten, wat sei it him noch? De earste ûnder de konfrêres, no en? Dat wie dochs allinne mar idelheid? ‘Riddenearje no net as in benypte boargerman, Piter! Do kinst sa'n krante ta in machtich wapen meitsje!’ ‘Ik sil deroer neitinke, ik wit no hoesto derûnder stiest.’ Sûnder der fierder noch wat oer te sizzen wie er nei syn kantoar ferdwûn. Soest sa'n man no net, tocht se, it revolusjonêre fjoer, dat hja earst sa dúdlik yn him gluorkjen sjoen hie, moast him no dochs ta dieden oansette! Risiko's wiene der altyd. It ideaal, dêr kaam it op oan! Teloarsteld liet se har op de kanapee sakje. Hja fielde de pineholle alwer opkommen. | |
[pagina 121]
| |
Yn de moannen dêrnei hie se it sels lêze kinnen, hoe't Piter de krante brûkte om dúdlik te meitsjen, wat kant oft er út woe. Hy skreau in aksjeprogram foar de Folkspartij en die hyltyd wiidweidich ferslach fan de saken fan opstannige arbeiders dy't rûnom yn Fryslân en dêrbûten foar de rjochtbanken tsjinnen en dêr't er de ferdigening yn die. Saken tsjin stakers en foaroanmannen fan de Beweging dy't neffens de machthawwers earme, ûnskuldige minsken oanset hiene ta opstân en geweld. Sa'n krante wie yndie in machtich wapen! Hja wie bliid, dat Piter dochs noch op Poutsma syn oanbod yngien wie, mar hja moast ek alle dagen de konsekwinsjes fan har hâlding en har skerpe wurden drage: har man stie wer middenyn de striid en minder as ea koe er tiid frijmeitsje om him mei har en mei de bern te bemuoien. Hja seach wol yn, dat er net oars koe en naam it him net mear kweaôf. Hie se him sels net oanfitere? Hy koe him op dat stuit ûnmooglik wer weromlûke. En dus wie Piter fan gearkomste nei gearkomste reizge en fan proses nei proses, fan syn kantoar nei de printerij en dan wer nei oare minsken om bydragen of ynljochtingen. Withoefaak moast er nachts noch in artikel foar de Sneeker Courant skriuwe. En ûnderwilens wie har wrâld hyltyd lytser wurden. Wie hja no mar wat sterker, hie se gauris tocht, dan soene hja mear yn 'e mande dwaan kinne en ek mear fan elkoar, fan harren bern en fan it libben genietsje! | |
18.De ien maaie-fiering fan 1892 hie se ek noch net bywenje kinnen. De anargisten fan Domela-en-dy kamen doe gear yn Ljouwert, de minsken fan de Folkspartij wiene útwykt nei Frjentsjer. Hja fûn it och sa spitich, dat de kleau doe al sa grut wie, dat hja it feest fan de earste maaie sels net iens mear ienriedich mei-inoar fiere koene. Wat in demonstraasje fan de solidariteit fan alle Proletariërs rûnom yn 'e wrâld wêze moast, waard sa in drôvige fertoaning fan ûnmacht om it mei elkoar lyk te finen en de rigen sletten te hâlden. It wie har slim yn 'e wei, dat hja troch har hertklachten ek op sa'n | |
[pagina 122]
| |
grutte gearkomste net njonken har man stean koe, mar der wie noch gjin tinken oan, dat hja meigean koe. Jelle wie al wer in goed jier. No soe se dochs einlings wer ris sûn en flink wêze moatte! Mar it like der net op. Hja skikte har sa goed sa kwea, mar it die sear. Wêrom liet har lichem har yn 'e steek, no't hja har krekt mei dat part fan har wêzen fermoedsoene hie? It wie in frage, dy't hja harsels al withoefaak steld hie, mar dêr't hja nea in antwurd op fine koe. Hie se dan dochs net trouwe moatten? Gjin bern krije? Hie har bestean dan nuttiger west? Dan hie hja Piter ek net de oantrún jaan kinnen, dy't er soms sa nedich hie.
Dy hiele dei wie se yn tinzen by de partijgenoaten yn de âlde akadeemjestêd. Wa soene der allegearre wêze? Soe Piter no al oan it wurd west hawwe? Hiene se al songen? ‘Frysk bloed tsjoch op, der falt foar 't rjocht te striden’ de wurden spilen har troch de holle, mar sels núnderjen slagge har net. Se fielde har fierstente mankelyk foar in striidliet. It wie prachtich maitiidswaar en ek op 'e neidei noch soel. Hja betocht, dat se noch wol even mei Antsje en de bern nei de kade kuierje koe om Piter op te wachtsjen, dan soe se dochs noch wat fan de sfear priuwe kinne. Underweis fernuvere se har al oer de drokte op strjitte. Hong der in driging yn de loft? It like wol, dat der noch grutter macht oan plysje en maresjaussee yn de stêd wie as oars by sokke gelegenheden. By de singel stiene al mear minsken om meetinggongers ôf te heljen. Ut de petearen koe se opmeitsje, dat it by de gearkomste fan de Sociaal Democratische Bond earder op 'e dei finaal út de hân rûn wie en dat der ekstra plysjes oproppen wiene om de kloften oerstjoer folk útinoar te reagjen. Freeslik, wat in tebekset! Hja wist noch sa skoan, hoe't Piter doe yn Renkum ferteld hie fan de yndrukwekkende dissipline dy't de sosjalisten toand hiene. Dat wie dochs noch mar twa jier lyn. Wie de Beweging yn koarte tiid dan sa ferwurden? Hoe koene de minsken sa? Sokke opperteurs makken rebûlje en de gewoane arbeiders soene it belije moatte. Der hoegde mar wat te barren of it soe ferbean wurde om langer noch gearkomsten te hâlden yn de folksgebouwen of op 'e herberchsealen yn 'e doarpen en mei de massale meetings yn 'e iepenloft soe it dan wol | |
[pagina 123]
| |
hielendal út wêze. Wat soe dat in slach foar de propaganda betsjutte! Dêr seach se in skip. Dat moasten se wêze! Stadich kaam it tichterby. Earst ien boat, doe noch twa, trije en noch ien, in hiele float, de opkomst hie dochs noch wol goed west! Hja koe de minsken oan dek al ûnderskiede. It byld krige kleur, reade flaggen dy't fleurich ôfstieken by de donkere klean. Mar wat wie dat foar leven? Hynders? Sjoch, it foarste skip lei al oan. Soe Piter gau komme? De lângong waard útlein. Hja seach him noch net. Dêr stapten de earsten de kade op. It wrinzgjen en it triptraapjen fan hynders kaam tichterby en ynienen stoden der maresjaussees yn sletten liny nei foaren ta en huften yn it wylde wei op dy earme manlju en froulju yn, dy't oars kalmernôch fan de boaten streamden. Wêr bleau Piter no? Seach er wat der barde en hold er him dêrom efterút? Hja besocht noch hyltyd om him te finen yn de mannichte. Foardat hja lykwols yn de gaten krige, wat der presiis te rêden wie, kaam doe folslein ûnferwachts in soldaat op in grutte swarte hynst, losrekke fan de oaren, fan om de bocht rjocht op har ta fjouwerjen. Fan skrik om de wiidiepen eagen fan it bist en de yn it lette sinneljocht skerp flikkerjende sabel besetten de siken har. Hja griep yn panyk Dieuwke stiif by de hân beet en treau Antsje, dy't mei Jelle op 'e earm njonken har stie, nei efteren. Hja seach noch, hoe't Piter oer de planke fan it efterste skip op har tadraven kaam. Doe waard alles tsjuster. Letter wie har ferteld, dat Piter krekt op 'e tiid by har west hie om har op te heinen, doe't se fan harsels foel. Hy hie har yn syn earmen nei hûs ta droegen. Wat in trelit! Wat die hja ek op strjitte te kommen yn dy drokte! Piter frege it op in hege, ferwitende toan. Yn syn eangst en argewaasje om it machtsfertoan fan de maresjaussee foel er ûnreedlik tsjin har út, sadree't hja wer in bytsje by har sûp en stút kommen wie. De bern gûlden fan alteraasje en fan Heit syn boas lûd. Antsje glûpte stikem nei har keammerke.
Dat Piter tanksij har swymjen foar slimmer dingen bewarre bleaun wie, hearden se de oare deis. Der hiene de wyldste geroften west yn de stêd. Dat Troelstra yn Frjentsjer syn oanhingers oanset hie ta in oanslach op 'e boargemaster en dat er de minsken oproppen hie ta | |
[pagina 124]
| |
wapene ferset. Dat er by jûntiid op 'e Grinzer strjitwei al ris proeven nommen hie mei dynamyt! Dat de maresjaussee spesjaal oproppen wie om him te arrestearjen, sadree't er foet oan wâl set hawwe soe. Wêr hellen de lju de ûnsin wei? It duorre wiken, ear't hja wer in bytsje bekommen wie. Hyltyd wer seach se yn eangstige dreamen grutte swarte hynders, dy't wyldwrinzgjend op har ôfstowen kamen. Dy't oer alles hinne batsten, yn har feart lju oan 'e kant reagen en lytse bern fertrapen. Nacht oan nacht hearde se eangstige gjalpen as fan minsken yn deadsneed. | |
19.Wat Piter koart nei dat mistribele feest fan de earste maaie fertelde oer de nije ramp dy't harren treffe soe, krong mar amper ta har troch. Hy wie op it kantoar fan de Neerlandia ûntbean en doe hie Heit him de wacht oansein. Dy krige fan de kommissarissen fan syn fersekeringsmaatskippij hyltyd faker krityk te fernearen op de propagandataspraken dy't syn soan yn sosjalistyske gearkomsten hold. Hja stjoerden him kranteknipsels ta, dêr't yn beskreaun stie, hoe fûleindich Piter te kear gien wie tsjin it partikulier besit. Yn Akkrum, yn Drachten, lêstendeis yn Langwar, rûnom, dêr't de Neerlandia har klanten hie. De hearen hiene oan Heit dúdlik te ferstean jûn, dat hja dat net lang mear akseptearje soene. Mei alle respekt foar de kwaliteiten fan syn soan - in ôfstudearre jurist dochs - wiene hja fan betinken, dat it net mei-inoar te rymjen wie: harren ûnderlinge brânwaarboarchmaatskippij beskerme no krekt it eigendom, dan koe immen dy't yn tsjinst wie fan dyselde ûndernimming en ek nochris de namme fan de direkteur droech, dochs net hyltyd lûder roppe, dat alle besit stellen wie. De jonge Troelstra moast no mar kieze oan hokker kant oft er stean woe, hja hiene lang genôch moederaasje hân! Piter sei tsjin har, dat er syn heit dúdlik makke hie, dat er net fan doel wie om omlizzen te gean foar de hearen kommissarissen en hja hie him dêryn, lykas altyd, grut gelyk jûn! Op 5 maaie 1892 kaam der in brief fan Heit om him nochris te warskôgjen dat er ûntslein wurde soe, as er no net ynbûn. Piter hold de eare oan himsels en naam ûntslach, al kaam dat har op dat stuit | |
[pagina 125]
| |
wol hiel min út. In wike letter, de 12de maaie, soene hja ferfarre nei in eigen hûs oan de Reindersbuert efter it gymnasium. Fanwegen har tastân hiene se twongen west om út te sjen nei in oare wenning. De hertklachten boazen sa oan, dat hja eins alhiel net mear treprinne mocht. | |
20.Hja wennen noch mar in goed moanne yn dat nije hûs, doe wie der alwer in nij trelit. De sosjalisten hiene de gelegenheid oangripe wollen om by de besite fan de beide ‘Keninginnen’ oan Ljouwert yn de simmermoanne fan 1892 regentesse Emma en de jonge Wilhelmina ûnder it each te bringen, hoe't in part fan har folk yn klearebare earmoed libje moast. Hoewol't hja gjin offisjele delegaasje nei de resepsje stjoere mochten, wiene der gâns arbeiders hinnegien, safolle, dat hja úteinlik dochs noch by de keninginne-mem talitten waarden ta argewaasje fan de boargerlju, dy't har yn har kreaze kostúms sjeneard field hiene troch de oanwêzigens fan de sosjalisten. Piter hie har sketst, hoe't de hearen de noas oplutsen hiene en mei in bôge om de arbeiders hinne rûnen. Se soene der ris wat fan skypje kinne! Ut soarte hie hja mei har swakke hert en ta it uterste spande senuwen dy deis alwer net mei har man meigean kinnen. Sa't Piter wol ferwachte hie, wie it letter op strjitte ta in konfrontaasje kommen tusken Oranjeklanten en minsken út de arbeidersbeweging. Hysels wie op fersyk fan de eigener oanwêzich yn de sigarewinkel fan de sosjalist Van Borssum Waalkes oan de Wurdumerdyk. Tolve gewante keardels wiene der dêr dy jûns klear foar om har bolwurk te ferdigenjen: de revolvers wiene laden. Oan de oare kant fan de dyk kloften de Oranje-oanhingers by it ‘Friesch Koffiehuis’ gear mei in soad folk, dat alhielendal gjin stânpunt hie en allinne op sensaasje út wie. Doe't hja fernamen, dat der by Waalkens safolle manlju yn de winkel wiene, begûnen se fuort te skellen en te roppen: ‘Oranje boven, Oranje boven!’ mar ek ‘Hang die socialen op, hang die Pieter Jelles op!’ De minsken liken in útsinnige wille te belibjen oan sokke racherij. Alle kearen as hja ien fan de bekende figueren út de arbeidersbeweging foarby kommen seagen, setten hja fannijs har skellieten yn: | |
[pagina 126]
| |
‘An in tou, an in tou, de jonge Troelstra met syn frou!’ De foarige jûn wie dat ek al sa gien en Piter hie dyselde moarns noch mei Waalkes by de kommissaris fan plysje west om te freegjen oft der gjin maatregels nommen wurde koene. Mar it like der net op, dat de aginten nije ynstruksjes krige hiene. Piter hie slim argewaasje hân fan harren hâlden en dragen: hja wiene bepaald net neutraal yn har optreden middenmank it oerstjoere folk. Hy hie der har letter sa libben ferslach fan dien, dat hja it gefoel hân hie derby west te hawwen. Der knalde fjoerwurk en ynstee fan de lju te twingen troch te rinnen, rôp in plysjeman: ‘Net mei stiennen de glêzen ynsmite, hen, minsken!’ Prompt hie ien fan de opperteurs in stien opkrige. Har man wie doe op dy agint tastapt en hie him ferwiten, dat er op sa'n wize net de oarder hanthavene, mar - krekt oarsom - de lju dy't op reboelje útwiene, oanhise. Trije, fjouwer keardels wiene nei foaren krongen. Hja soene wol even ôfweve mei dat mantsje dat it wetlik gesach miende oansprekke te moatten. Piter hie him de lea stikken hâlden. As syn maten seagen dat hy bedrige waard, soene se der yn huffe. Hy hearde al ien roppen, dat hja no mar bûtendoar komme moasten. Middenyn dat opskuor wie ynienen ek noch Piter syn heit opdûkt dêr oan de Wurdumerdyk. It hie in grutte dei foar him west. Piter hie der al fan heard, dat Jelle Troelstra as âldste fan de wethâlders oan it offisjele banket in keninklike ûnderskieding krige hie. Ynienen seach er syn âlde hear op him tarinnen troch de kreauwende mannichte hinne. Doe't er by him yn de buert wie, hiet Heit him op hege toan om dêrwei te kommen en nei syn frou en bern ta te gean. ‘Ik lit my net fuortstjoere, man! Ek net fan jo! Ik bin hjir om myn freonen te beskermjen salang as dat nedich is yn jo fatsoenlike stêd!’ raasde er werom. ‘Lit de plysje syn plicht ferstean en in ein meitsje oan dit opskuor!’ Heit rûn doe de winkel yn, mar waard opkeard troch de mannen, dy't seagen, dat dy hear yn it deftige swarte rokkostúm - it nije lintsje op it boarst - de folksferstjintwurdiger wie, dy't yn gemeenterie en steaten gjin gelegenheid foarbygean liet en agearje tsjin de sosjalisten. Ut opkroppe argewaasje begûnen se fûleinich oan him te lûken. Heit moast har fûsten ôfwarre mei syn gongelstôk. Op in | |
[pagina 127]
| |
bepaald stuit wie er hast slaande deilis rekke mei Waalkes. Dat hie Piter net oansjen kinnen. Hy tocht oan de revolvers dy't efteryn de winkel leine en twong de beide manlju om inoar los te litten. Doe hie er sein, dat er wol mei Heit meigean woe, as dy de kommissaris fan plysje dan einlings ris opdracht jaan soe om de mannichte op 'e dyk foar de winkel te fersprieden. Sa wie Piter nei hûs ta set en dêr hie er har alhiel oerstjoer en yn triennen oantroffen. Har ferhaal hie slim betize west, mar hy hie der wol út begrepen, dat der in kloft opslûpen jonges by harren hûs west hiene, dy't skolden hiene en rare lietsjes songen. Hy hie al sjoen, dat der planken foar de finsters slein wiene en fan Lourens Zandstra, syn âlde freon, dy't er frege hie om by syn frou en bern in eachje yn it seil te hâlden, waard him ferdútst, dat in stikmannich jonges besocht hiene de doar yn te traapjen en dat hja, doe't dat net slagge wie, stiennen troch de ruten smiten hiene. Ien stien wie dêrby delkommen yn it bedsje fan lytse Jelle! It jonkje hie it amper fernommen en sliepte al wer rêstich, mar it hie raar komme kinnen. Piter waard razend. ‘Hoe kinne se jin soks oandwaan? Dy lefferts!’ skreaude er. ‘Sa'n ûnskuldich bern! My meie se oanpakke, mar fan myn frou en myn bern moatte se ôfbliuwe!’ Mei grutte stappen rûn er nei it keammerke fan syn soan ta as om him te bewissigjen, dat it jonkje werklik neat mankearde. Hja wie him efternei gien om te sizzen, dat er Jelle net wekker meitsje moast, mar Piter wie al wer ta himsels kommen. Hiel stil stie er by it ledikantsje, mar de knokkels fan syn hannen, dy't er om 'e râne klamme hie, stieken skerp en wyt út. Hy moast him wol machteleas fan fertriet field hawwe op dat stuit, tagelyk fûleinich lilk en djip teloarsteld. ‘Sjoukje, learlingen fan myn eigen âlde skoalle nota bene,’ hie er útroppen, doe't er har stean seach. ‘Sokke jonges dogge dat net út harsels. Dêr moatte âlden efter sitte, folwoeksen minsken dy't thús sà oer my en myn húshâlding prate, dat dy knapen in frijbrief miene te hawwen om ús te molestearjen.’ As in felle emoasje wie it troch har hinne slein: hja moasten út Ljouwert wei! |
|