De oare helte
(1997)–Tineke J. Steenmeijer-Wielenga– Auteursrechtelijk beschermdNynke fan Hichtum, de frou fan Piter Jelles
[pagina 50]
| |
1.Sa moai as hja it har yn it begjin foarsteld hie, wie de ferlovingstiid dochs net wurden. As Piter in wykein by har west hie, duorre it aaklike lang, ear't er wer kaam. It wie har hyltyd swierder fallen, dat hja sa fier fan inoar fandinne wennen. Winliken hie se folle leaver mar gau trouwe wollen om him altyd by har te hawwen. Geregeld hie se allinne ferskine moatten by gelegenheden dêr't de minsken ek Piter ferwachten en alweroan moast hja him dan ferûntskuldigje: ‘Nee, Mefrou, myn ferloofde koe net oerkomme, it muoide Troelstra sels ek och sa; ja, fansels, hy wie tige ynnommen mei jo útnoeging, mar spitigernôch... jo begripe, syn stúdzje... Noch in jiermannich. Dreech? Ja, mar, hawar, de tiid fljocht om, no? Wy binne noch jong, jawis...’ Hja hie har grut hâlden foar de minsken, mar ûnderwilens hie se har faak och sa allinne field. It like har soms as koe se Piter net echt berikke. Hja hie him lange brieven stjoerd; hy skreau meast wol gau werom, mar wurden wiene mar wurden. Hja hie langstme nei syn laits, syn eagen, syn streakjende hannen. As er der wie, wie er der ek altyd sa echt! Ien omearming, ien tút wie dan wer genôch om har alle mûzenêsten út 'e holle te reagjen. As er har yn it ear lústere, dat er och sa wiis mei har wie, like har twivel fuort wer sa bernich.
It hiene Piter syn lêste moannen yn Grins west. Hy koe him yn Ljouwert likegoed op syn eksamens tariede, hie syn heit ornearre. Dat wie goedkeaper en trije jier wie lang genôch om it studintelibben te priuwen. Sadwaande wie al yn syn earste jier ôfpraat, dat er nei syn kandidaats wer thúskomme soe. Piter hie him dêr wolris skealik oer útlitten. It begrutte syn âlde hear winliken ta de teannen út, sei er, dat hy as studint sa'n grutte talage fanneden hie. Nei him kamen der noch fjouwer bern dy't ek foarút holpen wurde moatte soene. Neffens Piter foel dat wol wat ta. De jongere famkes soene meidertiid ommers wol trouwe en miskien koe Heit syn broer Durk aanst opliede foar in karriêre by de belêstingtsjinst, dan wiene de kosten foar dy syn stúdzje ek net sa heech. | |
[pagina 51]
| |
Durk soe him dêr grif wol yn skikke wolle. Mei himsels wie dat folslein mislearre. Heit hie him destiids, doe't er fan de legere skoalle kommen wie, ek op syn kantoar prakkesearre. Dat hie noch yn Stiens west, doe't it húshâlden bestjoerd waard troch helpen dy't - de iene nei koarte in oare nei wat langere tiid - altyd wer ôfset wiene, omdat de seis jonge bern sûnder mem net maklik te regearjen wiene en hja it mei syn stúmjende âldehear net úthâlde koene. Gelokkich wie Heit, sûnt er wer troud wie, meastentiids frijwat better te brûken! Piter die wol garnis wat lytsachtsjend en sneu oer syn heit, mar it wie har opfallen, dat syn toan feroare, as er it oer syn twadde mem krige. Hy wie wiis mei syn ‘Moe’ en hy hie ek oprjocht bliid west, doe't hja Heit noch in dochterke skonken hie. It hie doe wol hiel tryst west, dat krekt yn de tiid, dat Piter nei Grins ta soe om te studearjen dy lytse Nynke stoarn wie. De oergong fan it stille hûs mei de fertrietlike famylje nei it studintelibben fol wille en frijheid hie dêrtroch wol almeugend grut foar him west. Hy hie him yn it earstoan yn de universiteitsstêd slim iensum field. Wylst hja thús oanhâld en treast by inoar fûnen, hie hy him krekt losmeitsje moatten fan it âldershûs. Haukje hie him mei har brieven wol trou op 'e hichte holden, mar hy wie dochs wat in bûtensteander wurden. Yn syn ferlet om der dan alteast op de soasjeteit alhiel by te hearren wie er grienepraeses wurden. Hja hie dat wol begripe kinnen. Piter hie frijwat âlder west as de measten fan syn jier en dat hie him fuortendaliks al wat in bysûndere posysje jûn. Fansels wie er dêrtroch ek hurder oanpakt yn de grientiid. Piter siet net gau om in antwurd ferlegen en hie it grif sels útlokke, dat er ekstra swier ‘dondere’ waard. Doe't syn heit dêr de ferhalen fan heard hie, hie dy him skreaun, dat er syn eigen grinzen stelle moast en as it him te swier waard mar leaver fan it lidmaatskip fan it Corps ôfsjen soe. Mar Piter hie trochset en mei dy hâlding respekt ôftwongen. De soargen om Moe - en om Heit fansels likegoed, al woe er dat net wêze - wiene yn dy earste bannige wiken yn Grins mear en mear op 'e eftergrûn rekke. Doe't it slimste fertriet om it ferstjerren fan lytse Nynke wat saksearre wie en Moe har beuzichheden wer opnimme kinnen hie, wie hja ek wol wer in bytsje sterker wurden, mar de noed om har sûnens bleau dochs altyd op 'e eftergrûn oanwêzich. Ek fan har sibben wie nochal al ris ien op jonge leeftiid oan t.b.c. weirekke. | |
[pagina 52]
| |
2.Moe die wakker har bêst om neat skine te litten, skreau Piter har op in kear, mar hy fernaam wol, dat hja har wer lang net goed fielde de lêste tiid. Doe't er frege hie, oft syn Sjoukje no meikoarten ris in skoftke yn Ljouwert útfanhûs komme mocht, hie se sein, dat hja dêr tige nei útseach, mar dat er dochs noch mar even geduld dwaan moast. Safolle drokte koe se noch net ferneare. En yn har lêste brief hie se him om in geunst frege: oft er, as er aanst wer by harren yn 'e hûs komme soe, syn hûn wol yn Grins bliuwe litte woe? Dat joech te tinken, tocht har ek net? Moe frege him net faak wat om harsels. Dan moast it wol slim oanboaze wêze mei har sykte. It muoide him tige syn hûntsje oan in oar jaan te moatten, want hy hong oan it bistke. Moe hie skreaun, dat Sjoukje der no ek wie om syn ‘affeksje’ op oer te dragen en letter, as hja tegearre en op harsels wennen, koene se ommers safolle bisten hâlde as hja mar woene. Hy hie dat wol wat eigenaardich sizzen fûn, skreau Piter derby, dat fan dy ‘affeksje’ en de ferliking tusken syn faam en syn hûn doogde fansels ek net, mar hy begriep dochs wol, wat Moe bedoelde. En hja hie ek wol gelyk: in hûn brocht net allinne smoargens en wurk mei, mar soe grif ek wer in oarsaak fan argewaasje tusken Heit en him wurde. Salang as er thús wenne hie, hie er ommers nea in hûn hawwe mocht, hoe faak oft er dêr as jonge ek om biddele hie. Yn Stiens hie er destiids kninen hân, dêr't er slim wiis mei west hie, mar ja, dy hiene bûten sitten. Heit fûn bisten yn 'e hûs net hygiënysk en mei al dy longpasjinten yn 'e famylje koe hy dêr ek wol wer ynkomme. Hja hie lang oer dat brief neitocht en doe oan Piter weromskreaun, hoe ellindich it dochs wie, dat der altyd sa'n driging fan sykte en dea oer syn neisten hong. Hy antwurde, dat it him sa goed die syn soargen no mei har diele te kinnen. Foarhinne hie er faak besocht it fertriet mar fan him ôf te skowen en soms slagge him dat ek wol tusken de fleurige maten op de kroech, mar hy wie en hy bleau de âldste en de ferantwurdlikheid foar de jongere bern, dy't er troch it ferstjerren fan harren mem al jong mei drage moatten hie, soe er altyd fielen bliuwe!
In wykmannich letter hie er har it fers tastjoerd, dat er ta bemoedi- | |
[pagina 53]
| |
ging foar syn suster Rinskje makke hie, doe't dy ôfreizgje soe nei Davos.
Nei 't suden, teare blom, waans bledsjes hjirferwylje!
Hjir rûst te kâld de wyn, hjir is te swier de loft,
Nei heger bergen ta, dêr't bloed mei heger noft
Jin rêd troch dy ieren brûst: wat soest hjir langer dwylje?
Mar nim dyn hope en moed en fêst betrouwen mei.
Nei 't suden! Fleurich giest, do wolst itjerne leauwe,
Dat dêr de sike blom wer 't kopke omhegens tilt,
Lyk as de leelje docht, wêrop de dauwe trill't,
Mocht oer har blanke holle 't ûnwaar hinne driuwe.
Drink libben út de loft, en, bist yn truerichheid,
Drink rêst dan út it swurk, dat op 'e bergen leit.
Nei 't suden! Ek ús hert, wêryn de leaf de brûzet,
't Giet mei dy, 't bliuwt by dy, it lijt en bidt foar dy,
Is yn 'e bergen dêr de loft sa smout en lij,
De leafde is waarmer jit, dy dy ek dêr omstrûzet,
En komst yn 't noarden wer, blier as in pinksterblom,
Dan fynst yn 't âlderhûs in suderloft werom.
Wat miende Piter ynmoedich, wat er yn dat fers skreau, hie se tocht. Hja koe it lêze tusken de rigels troch. De leafde brûze yn syn herte en as Rinskje wer thús kaam, soene hja mei-inoar fol soarch en leafde om har hinne wêze. ‘In liefde Bloeiend’ en foargoed! Hja waard har der hyltyd mear fan bewust, dat se mei har leafde foar Piter ek de noed foar syn hiele famylje derby krige hie. Soks naam se net licht op en it wie ien fan de oarsaken wurden fan har twiveljen oan eigen krêft. Soe hja it ommers wol opbringe kinne om altyd klear te stean foar in oar? By har thús hie se altyd de lytste west, dy't as fanselssprekkend holpen en treastge waard as der problemen wiene. Hja hie it altyd deagewoan fûn, dat Heit besocht alle soargen foar har wei te nimmen. No seach se, dat it yn in oare húshâlding hiel oars om en ta gean koe. Soe hja wol sterk genôch wêze om aanst njonken har man te stean as dy har ris echt nedich hawwe soe? Dêr doarst se net wis fan te wêzen. | |
[pagina 54]
| |
Mismoedich ferknûkele se it papier, dêr't se krekt de lêste sin fan in selsbetocht mearke op skreaun hie, doe't de post Piter syn brief mei it fers foar syn suster brocht hie. ‘En hja libben noch lang en lokkich.’ Ynienen like har dat sa ûnecht ta! | |
3.It moaiste stik húsrie yn de wenkeamer fan har âldershûs hie it antike kammenet west, dat Mem urven hie fan har âlden. Doe't hja en har susters noch lyts wiene, hiene dêr al harren skatten yn opburgen lein. De nachtjakjes mei kantsjes en strikjes, dy't se allinne mar oankrigen as se útfanhûs giene, de wite sneinske skelken, de printeboeken en de spultsjes. Mem hie der har psalmboek yn bewarre en it taske, dat hja allinne brûkte om sneins mei nei tsjerke ta te nimmen. As hja ris in moaie doaze bonbons krige, waard dy ek steefêst yn it kammenet set en allinne by bysûndere gelegenheden hiene hja dêr dan ien út hawwe mocht. Nei ferrin fan tiid hie dy sûkelade nei kamfer en âldeklonje smakke, mar dat hie foar har as bern neat ôfdien oan it feestlike fan sa'n traktaasje.
Neidat de ferloving offisjeel fierd wie, hie Mem op in moarn útsteld om ien fan de grutte laden fan dat kammenet leech te meitsjen om dy tenei te brûken foar har útset. It like har wol goed ta en gean dêr mar net te let mei oan it wurk. Tocht Sjoukje sels ek net, dat dat in moaie tiidkoarting wêze soe? Rensia wie destiids mei in widner troud, dy hie de measte rêding al yn de kasten fûn, doe't hja yn Willem syn hûs it bewâld oernommen hie fan de húshâldster. Like fleurich hie hja letter, doe't Jette nei De Haach ta soe, meiholpen om dy har guod klear te krijen en beide hiene de susters no tasein, dat hja har ek wol skewiele soene mei it naaien en it letterjen, mar ‘de lytse’ moast earst sels mar sizze, hoe't se alles hawwe woe.
Mei har trijen as susters wiene se doe op in middei nei Arnhim ta reizge om ien en oar út te sykjen. Mem hie it boadskip meijûn, dat se deeglik en moai guod keapje moasten. It koe fansels net yn it rare, mar hja hoegden net op in gûne te sjen. Piter syn sparbankboekje koe aanst nei de studintetiid wolris frijwat leech wêze. Hja | |
[pagina 55]
| |
stelde der in eare yn en lit har jongste dochter mei in moaie útset ôfreizgje, dan hoegde Sjoukje de earste jierren alteast gjin soargen te hawwen oer de linnenkast. Hja hie it hearlik fûn, dat Mem en de grutte susters sa mei har meilibben yn har nije steat fan engazjearre jongfaam. It wie krekt of seagen se har no ynienen mear foar fol oan. It wie in feestlike reis nei de stêd wurden. Wat wie der moai guod te keap yn dy grutte winkels! En wat moast der wat komme neffens har susters. Hja hiene mar opneamd: safolle jelne linnen foar boppelekkens en safolle foar ûnderlekkens en fansels ek foar de slopen. Dan handoeken, skûteldoeken en glêzedoeken. En wafeltsjeguod foar wurkdoekjes en flanel foar stofdoeken, fine katoen foar bûsdoeken, wite en bûnte, en fierder noch batist foar in stikmannich nachthimden, damast foar servetten en tafellekkens en borduerjern, haakjern, fiterbân, keperbân en knopen, folle net genôch. Mei-inoar wie it gâns in bestelling wurden. Doe't it grutte pak in deimannich letter besoarge waard, hie it wol Sinteklaas like! De hiele keamersflier lei besiedde en hja hie der plat op it gat tusken sitten en alles betaaste. No rûkte it thús krekt sa as yn dy sjike manufaktuerewinkel, dêr't hja it guod útsocht hiene. Al dy moaie nije stoffen! Hja hie der tige sin oan krige om dêr mei oan it wurk te gean. Mem keurde de kwaliteit tusken tomme en wiisfinger en wie bêst tefreden oer wat har dochters útsocht hiene. Hja hie fansels al lang - noch fier foardat Mem oer de útset begûn wie - oan it Antwerpen west mei in moai monogram, in T en in dûbelde B keunstich yninoar frissele. Piter hie it resultaat fan har tekenkeunst al priizge! Leaver hie se eins in P mei in S nommen, mar dat hearde sa net en se hie net bernich lykje wollen. Jette sei, dat hja dy letters wol op lytse lapkes borduere soe, dan koe hja se letter wol op it spul naaie en Rensia troppe in grutte kleaune haakjern yn de tas. Hja woe wol mei de tuskensetsels foar de boppelekkens oan 'e gong. ‘Wat moat it wurde, Sjoukje?’ ‘Roazen, ast dat net te dreech fynst en yn 'e midden de wurden “Goeden Nacht”. Witst it noch wol, Renske, sokke lekkens hiene wy as bern ek op bêd en dy fûn ik altyd sa prachtich.’ ‘Komt klear, Sjoukje, asto wer ris wat foar myn lytse jonges makkest, sil ik no wol foar dy oan it haken! Roazen dus.’ | |
[pagina 56]
| |
Yn de moannen dy't folgen, wiene de steapels yn it laad al mar heger wurden. Juffer Jans, de naaister dy't ienris yn 'e wike in moarnsskoft by Mem kaam om it wytguod en de klean ynoarder te hâlden en út en troch ris wat nijs te meitsjen, holp har mei it knippen en learde har de fine kneepkes fan Ingelske naden, iepen seamen en moai omfestonearre knoopsgatten. Hja hie der nocht oan krige alles sa moai mooglik of te wurkjen. Yn tinzen libbe se al mei Piter yn harren eigen hûs, as hja sa drok oan it naaien wie. Alle kearen as der wat fan de útset klear wie, wurke se dat ôf mei sa'n fan Jette borduerd monogram en it wie krekt as eigene se it har dan definityf ta mei it fêstnaaien fan de begjinletters fan wat har troude namme wêze soe. Troelstra-Bokma de Boer, de hear en mefrou Troelstra-Bokma de Boer, jûns op bêd sei se it wolris stikem lûdop: Sjoukje Troelstra, it hearde har al fertroud yn 'e earen. Ytsje hie it guod dan noch mei ekstra soarch wosken, stisele en strutsen en dêrnei waard it kreas opteard en mei in ljochtblau lintsje deromhinne yn grau papier pakt en yn har skatkiste weiburgen. Sa hie hja op har wize nei de troudei ta wurkje kinnen, wylst har ferloofde siet te studearjen. | |
4.Doe't Piter wer thús wenne, hie se al rillegau fernommen, dat him dat ôffoel. Hy wie yn Grins oan de frijheid wend rekke en koe him net mear skikke, lykas doe't er noch in gymnasiast west hie. Faker as ienris krige er wurden mei syn heit. It koe ek neat lije of dy waard nitelich en koart. Heit hie soargen. De reis nei Switserlân hie Rinskje wol goed dien, mar Moe dy't fanwegen har eigen sûnens mei west hie, like yn de frisse berchlucht har kwaal net oerwûn te hawwen. Hja wie wer mear begûn te hoastjen. Grif naam hja har de spanningen yn 'e hûs ek nei. Piter hie it net op in konflikt oankomme litte wollen. Hy hie in keamer yn 'e stêd socht en ien fûn oan 'e Grêftswâl. As er syn memme erfdiel opfrege, moast er him wol in knap skoft rêde kinne, hie er skreaun. Hy woe syn eigen paad sykje. Heit soe grif wol it bêste mei him foar hawwe, mar hy liet him net mear hjitte. Hy stjitte him wat langer wat mear oan it hearsksuchtige karakter fan dy man. | |
[pagina 57]
| |
Ta argewaasje fan syn âldehear hie er him yn 1885 nei ôfrin fan de earste grutte Ljouwerter kiesrjochtmeeting oansletten by it Boun foar Algemien Kies- en Stimrjocht, noch it meast út lilkens om de hâlding fan syn eigen heit yn dy gearkomste nammers. En letter hie er dy strideraasje mei dûmny Lútsen Wagenaar útlokke, dêr wie Heit al sa min oer te sprekken! Piter hie in iepen brief rjochte oan syn âld maat dy't, no't er ôfstudearre wie, neat mear witte woe fan syn eardere warberens as Frysk dichter. Lútsen hie him op syn bar it leksum lêzen yn in brosjuere en dêr wie gâns praat fan kommen yn de stêd. Ta argewaasje fan Heit, fan wa't Piter winliken neat ûndernimme mocht, dat him ôflate fan syn stúdzje. Syn takomstige karriêre, dat wie wat hillichs, de kâns op in plak by de Ljouwerter baly. Dêr soe er relaasjes foar nedich hawwe, hy moast om syn goede namme tinke! As hja sokke ferhalen lies, keas se altyd blynseach Piter syn kant. Har feint wie in dichter en syn heit soe ynskikke moatte, dat er bysûndere talinten hie en him dêrom wat romte jaan. Ienris yn Ljouwert werom en benammen sûnt er wer op himsels wenne, hie Piter fannijs drok omgong krige mei de oare Fryske dichters. Mei Kees Wielsma fan Grou, mei Onno Harmens Sytstra, de jonge skoalmaster dy't er destiids by syn eksamen foar húsûnderwizer kennen leard hie en mei wa't er doe letter de bondel ‘It jonge Fryslân útjûn’ hie. Mei syn âldere freon Jacob Hepkema, de krante-man fan It Fean, dy't him ek noch mongen hie yn dy striidskriuwerij mei Lútsen. Der wie sa njonkelytsen in hiele rûnte fan lju dy't har ôfsetten tsjin de hearen fan de Ljouwerter Selskipskrite lykas Piter syn heit ien wie. Hja woene de minsken wolris wat oars lêze litte, as wat de Selskipsblêden joegen. ‘It jonge Fryslân’, dêr hiene Onno en Piter destiids ek noch de wizen fan guon lieten by yn hawwe wollen, mar dat wie doe misbeteard. Der soe no dochs ris in nij Frysk lieteboek komme moatte. It âlde fan Jacobus van Loon en Martinus de Boer waard slim âldfrinzich, ornearren hja. En Piter woe ek stommegraach, dat syn eigen teksten, dêr't Tsjalling Eeltsjes Halbertsma ûnderwilens muzyk by makke hie, no ris ûnder de minsken kamen. En dan tagelyk syn eigen komposysjes ek! Hja hie him doe al wol sa goed kend, dat se wol krekt wist, hoe't dat gean soe: Piter soe him maklik oanprate litte, dat hy de man wie om | |
[pagina 58]
| |
sa'n boek gear te stallen. Hja hearde de mannen wol bearen! Hie Piter yn Grins ek net meiholpen oan de útjefte fan in nije studintelietebondel? P.H. de Groot, de direkteur fan it Grinzer muzykselskip ‘Bragi’, dêr't er ommers sels lid fan west hie, wolno dy De Groot, dat wie in betûft musikus, dy soe him dochs grif noch wol in kear helpe wolle? It soe it oer gear kommen mar wêze! Hja bewûndere Piter om syn muzikaal gehoar. Hy hie nea gjin muzykles hân, mar as er wat meitsje woe, núndere er samar in wyske foar him út. En op'e piano koe er spylje wat er hearde, al hie er nea it noateskrift leard. Sa hie Piter ek al ris in wize makke op it Grouster liet fan Dokter Eeltsje en wat hearde it prachtich, dat ‘Rôlje, rôlje, wetterweagen’ as de Grousters it op in moaie simmerjûn nei ôfrin fan in silerij op'e Pikmar manmachtich mei-inoar songen. ‘Hurde Friezen bliuwe wy-y-y, hu-urde Frie-iezen bliu-u-we wy!’ Kees Wielsma makke in soad wurk fan it sjongen by sokke feesten. Lieten te meitsjen joech Piter fansels folle mear foldwaning as it bestudearjen fan dy toarre wetboeken, dêr koe se ynkomme. As er siet te learen en der kaam in fersrigel yn him op, dan skode er boeken en diktaten samar oan 'e kant en dan koe it barre, dat er in hiel skoander moarnsskoft oan in gedicht wurke en alhiel fergeat, dat er him eins op in tentamen tariede sillen hie. Fan de juristerij stiek er sadwaande winliken noch it measte op, as er mei de jongerejiers dy't er byles joech, oan it rippetearjen wie, mar dat friet ek tiid! Lykas it skriuwen foar de krante, dat er der dochs ek noch wol by dwaan moast om wat jild om hannen te hawwen. It koe har wolris oanfleane, as se lies, wat er allegearre by de ein hie. Kaam it sa wol klear mei syn stúdzje? Hie syn heit dan dochs gelyk?
‘Ja, Sjoukje, dat hast wol goed sjoen; it liket my ek better, dat ik mar wer in keamer sykje yn Grins’, skreau er, doe't hja him der ris op oansprutsen hie, dat er troch al dy drokten syn stúdzje ferwaarloazge. ‘Yn sa'n studintestêd sil it net opfalle, as ik my ôfsûnderje; yn Ljouwert haw ik my yn te folle dingen behelje litten en kin ik my net mear konsintrearje.’ It die har deugd, dat er nei har harkje woe, mar it gefoel fan foldwaning duorre net lang. Doe't er goed en wol wer yn Grins wenne, hie- | |
[pagina 59]
| |
ne der samar wer oare dingen west dy't him de stúdzje ferjitte lieten. Dat er net better hoek hold, wie har danich ôffallen. Piter waard fannijs opnommen yn it Corps, as hie er der net in hiel skoft by wei west. Sa mâl as yn syn tredde jier die er it net wer, mar dochs, safolle waard se der wol fan gewaar: hy ferkearde wer in soad op de ‘kroech’. It juristedispút beneamde him ta skriuwer en ‘Piet Troel’ stie fannijs rûnom mei de noas foaroan by. Yn it earst die er har entûsjast ferslach fan gearkomsten, diskusjes, ‘borrels’ en ‘fuiven’. Hja koe oan syn brieven fernimme, dat er geweldich bliid wie syn Grinzer maten wer te moetsjen en lykas fanâlds yn it middelpunt fan de belangstelling te stean. Hja gunde har ferloofde dy wille ek wol, mar koe it dochs net keare, dat hja wolris wat in sneu beskie joech op syn bolbjirkene ferhalen. Hy wie no dochs gjin jongerejiers mear! It ôfstudearjen soe him no dochs foar al it oare gean moatte! Hja wie yn dy snuorje wer ôfgryslik begûn te twiveljen. Hold Piter wol echt fan har? Hie it eins wol om harsels west, dat er de ferloving trochset hie? Of hie er him bine wollen oan in ideaal en muoide it him no alwer, dat er fêst siet? It libben yn de akademystêd stie ek sa fier fan har of! Hja hie mar ien kear in studintefeest meimakke en de sfear wie har fierder sa frjemd, dat hja net goed mei Piter prate koe oer wat har dwers siet. Foar har bestie der oars neat mear as harren takomstich houlik. Hja wie drok mei de tariedings dwaande en hie alhiel gjin belang mear by de setten en pretten fan oare jongfammen, dêr't hja har eartiids dochs ek wol mei fermakke hie. Doe't Piter him fan Jan van Loon oerhelje litten hie in funksje yn de senaat fan it Corps te oanfurdigjen, ûndergie hja dat as ferrie oan harren takomstplannen. Hja wie echt wol grutsk om de útferkiezing fan har feint, mar tagelyk ek bang, dat hjasels hyltyd minder foar him betsjutte kinne soe. Aldsk hie se har field by him ferlike en stiif, krekt oft der foar har gjin plak mear wie yn syn bestean. Hy dreau by har wei en hja koe it net keare. Hoe hie se ea leauwe kinnen yn de krêft fan har leafde?
Doe't yn 1886 it Ny Frysk Lieteboek útkommen wie, stjoerde Piter har in eksimplaar ta yn in spesjaal foar de besoarger makke lúkse útfiering. Bliid ferrast hie se dat moaie boek mei de blaulinnense | |
[pagina 60]
| |
bân en de gouden opdruk útpakt. Hja stie dermei yn 'e hannen en ynearsten wie se echt wiis mei it presint. Mar dêrnei hie se it iepenslein en de opdracht lêzen dy't Piter der foar har yn skreaun hie en doe wie der in gefoel fan djippe teloarstelling yn har omheech wâle. ‘Foar Sjouk fan P.J.T.’ stie der. Wiene dat wurden foar in dichter? Koarter en koeler koe it ek net, wol? Yn it briefke dat hja him stjoerde om te betankjen, moast wol trochklonken hawwe, dat hja rekke wie. Der wie dochs wat fan konvinsje en goede omgongsfoarmen tusken harren kommen. Sa't in jonge man dy't ferloofd wie, him hâlde en drage moast neffens har, sa die Piter net en dat foel har fan him ôf.
In jier letter waard him sels it rektoraat fan ‘Vindicat’ oanbean, mar dy oars och sa earfolle funksje hie er wegere. Moe wie doe krekt stoarn en it paste him yn in tiid fan rou net om it heechste amt yn it Grinzer studintefermidden op him te nimmen, hie er oan de senaat skreaun. Sa't er it har fertelde, fielde se der ek wat fan in stil ferwyt oan har adres yn. As soe hja him de wille bedoarn hawwe en dit offer fan him fergje. De brieven waarden stadichoan koarter en foarmliker. Altyd wer hie se útsjoen nei in libbensteken yn de ferwachting dêr de âlde tagedienens wer út priuwe te kinnen, mar it rûn meastal op in teloarstelling út. Om neatichheden as in ûngelokkich keazen wurd of in net beänt-wurde frage koe se dan wer dagenlang fertrietlik sitte te stúmjen, ferlegen mei har gefoelens en winliken har rie tenein. Thús hong se ek mar wat om en der kaam har neat mear út 'e hannen. Ut goederbêst frege Rensia har wolris útfanhûs. Dat like har dan earst moai ta, mar as hja it lokkige libben by har suster en sweager seach mei ûnderwilens al trije lytse jonges, dan miste se Piter namste mear. Soe it mei har beiden noch wol ea sa fier komme? | |
5.Yn in wykein dat hja ôfpraat hiene, dat er by har yn Renkum komme soe, stjoerde Piter op it alderlêste momint - hja hie de jas al oan | |
[pagina 61]
| |
hân om him fan de trein te heljen - in tillegram om mei te dielen, dat er net koe fanwegen ferplichtings yn Grins. Doe wie it, as waard alles tsjuster om har hinne, sa yn- en yntryst, sa lyts hie se har field. It wie wer as yn dy earste wiken nei it bal, doe't hja ek sa hertstochtlik útsjoen hie nei in befêstiging fan har leafde. De twivel hie har doe stadichoan yn 'e bedelte treaun, oant hja neat mear mei wissichheid witten hie. Net wat er tsjin har sein hie, net hoe't er har hiel sêft en hoeden op 'e foarholle tute hie by it ôfskie, net iens mear hoe't syn eagen west hiene. Noch wol tsien kear sa djip like no de ôfgrûn, dêr't hja yn drige te fallen. Hy kaam net, omdat er oare ferplichtings hie. Hokker ferplichtings dan? Foar wa oer dan wol? En wêrom hie er dan net earder berjocht dien? Hja hie der noch wikenlang mei ompakt en gjin antwurden fûn. Hy hie ek net soarge, dat der in brief oer it tillegram hinne kommen wie mei tekst en útlis. Se hie it mar nimme moatten! Letterlik siik wie se derfan wurden. It duorre te lang en wat koe hja der noch oan dwaan om dat te feroarjen? Dy útset koe wol wachtsje. Wat moast se yn 'e frede mei fjouwerentweintich fingerdoekjes en tolve glêzedoeken as hja dochs net troude? Al dat gepjuk wie ommers nutteleas. Wurk om 'e nocht! Hja koe har troudei der net in oere en har ferloofde der net in meter tichterby mei helje. It laad fan it kammenet bleau wikenlang ticht en de moadeprinten mei elegante breidstoiletten, dêr't hja earder sa hearlik boppe sitten hie te dreamen, troppe se nidich en fertrietlik ûnderyn de boekekast.
Hja soe der ris in skoftke út moatte, hiene Heit en Mem dy't it har fansels ek oanseagen, ornearre. Wat tocht Sjoukje fan in gesellich útstapke mei Piter nei Dútslân ta? Dat soe de sinnen wat fersette. It soe har earste bûtenlânske reis wurde, de earste kear, dat hja mei Piter in pear dagen tegearre wêze soe yn in oar fermidden as it húslike. In jier earder soe se oan 'e balken ta sprongen wêze fan freugde by sa'n oanbod, mar doe hie se sûnder in grisseltsje foarwille of ferwachting de koffer ynpakt. Woene Heit en Mem har no ek noch fuort hawwe? Hearde hja dan aanst nearne mear thús? Wat moast hja noch mei Piter op reis? Wat soe it betsjutte? Hja koe dy hiele ferkearing ommers better mar útmeitsje en him wer frij litte! | |
[pagina 62]
| |
Gjin wûnder, dat hja ûnderweis de goede toan net daliks fine koene. Hja hie wol fernommen, dat it Piter ôffallen wie, hoe't hja der útseach, doe't hja inoar - lykas Heit mei him ôfpraat hie - troffen op it stasjon yn Grins. Hy wie sa wat wifkjend op har takommen, as moast er wat oerwinne om har te omearmjen. ‘Do sjochst mar wat smel en suterich ta, net?’ konstatearre er, doe't hja goed en wol yn de trein sieten. ‘Ik hie dy hast net iens werkend, niis op it perron tusken de minsken. Jimme heit en mem hawwe gelyk, do moatst der nedich ris út; ik hoopje mar, datst hjir wat fan opknappe silst, Sjoukje. Wat is der dochs mei dy?’ Dêr wie it al sa, tocht se, hy fynt dat ik der min útsjoch en hy sil ek wol fine dat ik louwich tsjin him doch, hiel oars as doe't er my krekt koe. No, hy hat sels ek wolris leaver en kompliminteuzer west! Stúmsk besocht se fierder te lêzen, sûnder lykwols in wurd fan it ferhaal yn har op te nimmen. Noch in kearmannich hie er it har frege ûnderweis. ‘Is der wat, Sjoukje, do bist sa stil, der mankeart dy dochs neat?’ ‘Och nee, Piter, wat soe der wêze? Min slept ju, sa foar de reis. In bytsje wurch.’ Hja suchte en die der fierder mar wer it swijen ta. Hja koe al min sizze, wat der echt yn har omgong. Elts yn in hoeke fan de kûpee sieten se mar wat foar har út te stoareagjen. In prachtich ôfwikseljend lânskip mei greiden en heidefjilden glied efter de ruten fan de trein foarby. Hja hie der amper each foar: de frisgriene beammen tsjin de blauwe loften, de waarme reade en brune kleuren fan pleatsen, fan doarpkes en stêden mei âlde huzen en hege tsjerketuorren, de lytse dingen dêr't men oan sjen koe, dat hja no echt yn it bûtenlân wiene, dat alles hie har net meinimme kinnen. It Onbekende, dêr't oars sa'n tsjoen fan útgie, koe har dizze reis alhiel net bekoare. Sels de frjemde plaknammen dy't moai, mei fan dy Dútske krolletters, op de stasjonsgeboukes skildere wiene, wie se net oars fan wurden. In kearmannich moast de trein, bolderjend oer de brêge, in rivier of in kanaal oerstekke. De sinne blonk yn it wetter en ferve it mei in glâns, dy't beammen en bisten in frjemde gloede joech.
Dat hja dat byld efternei noch sa skerp foar har krije koe, fernuvere har, omdat hja miende, dat alles doe oan har foarby gien wie as yn in grize damp. It útwrydske iten, dat optsjinne waard yn de restau- | |
[pagina 63]
| |
raasjewein - skerp fan sipels en krûden - hie foar it earst wat stof ta praten jûn. In glês wyn makke de toan justjes losser. ‘Smakket it, Sjoukje?’ ‘Jawol hear, dy griente sjocht der út as wat in nuver krouske en de jirpels binne wat glêd, mar it is dochs wol lekker.’ ‘Frijwat hartliker as wy wend binne, no? Ik krij der toarst fan. Sil ik noch mar wat wyn bestelle? No, op dyn sûnens dan mar! It docht my ek wol goed de wetboeken ris eefkes ferjitte te kinnen.’ ‘Hoesa, Piter? Hast it drok, tsjintwurdich?’ ‘Ja, as ik earlik bin, kaam it my striemin út, dit reiske, mar ik woe dyn âlden net foar de holle stjitte. Och ja, ju, altyd drok no, de stúdzje en dan noch allegearre oare besonjes, der is alle jûnen wol wat.’ ‘Wat dan, Piter? Ik wit tsjintwurdich neat mear fan dyn libben. Do skriuwst my noait mear oer wat dy dwaande hâldt.’ ‘Dat ynteressearret dy dochs ek net? Do fregest altyd allinne mar, hoe't it mei myn tentamens stiet. En mar kleie en sangerje as ik ris wat oars by de ein haw, do likest ús heit wol bytiden!’ ‘Dat is gemien!’ ‘Nee, it is wier. Ik woe wol, datst my net sa by de tomme heindest en sels ris wat mear út 'e wei sette soest! Do hast alle tiid oan dysels. Earst likest my sa'n krigel famke ta! Mar de lêste tiid... Do soest dy grif better fiele ast wat om hannen hieste. Sykje dochs wat, Sjoukje, al wie it allinne mar om dysels! Skriuwst noch wolris wat?’ ‘Nee, do wol dan?’ ‘Och nee, der komt my ek hast gjin fers mear út 'e pinne. Mar ìk ha it wier net oan tiid, dêr komt it fan, de ynspiraasje is der noch wol.’ Doe't hja gjin antwurd mear jûn hie, stûke it petear wer. Yn Bremen moasten se nochris oerstappe en op it lêste ein wie de lea har befallen fan dy reade wyn, dêr't hja faaks wol wat ryklik fan hân hie. Swijend hiene se oant Hamburg ta foarinoar oer yn in fierder leech rydtúch sitten. It wie in ferlegene boel. | |
6.Mar it slimste moast noch komme. Op in moarn yn it hotel, doe't hja har oanklaaid hie en by Piter op 'e doar fan syn keamer kloppe | |
[pagina 64]
| |
om te freegjen, oft er mei gie te ‘frühstücken’ krige se gjin antwurd. Wat soe se dwaan? Wer nei har eigen keamer weromgean of dochs mar ûnder sjen? Wa wit, siet er al op har te wachtsjen. Hy wie moarns meastal earst. Mar yn 'e ytseal hie se him ek net sjoen. Hja woe har net kenne litte- hie Piter net sein, dat hja wat fikser wêze moast? - en bestelde mar fêst in kantsje kofje. Dochs hie se dêr neat net noflik sitten. Mei lange tosken begûn se op de soere Dútske bôle om te kôgjen. Wêr soe Piter no úthingje? Soe er fuortgien wêze sûnder har te warskôgjen? Nee dochs? Hja wiene dochs tegearre op reis? Soe er har selskip no alhiel net mear ferneare kinne? Wie er lilk om wat hja sein hie oer syn stúdzje? Godskes, wêr bleau er no? Siet hja hjir aanst poer allinne yn in frjemd lân. Fol wearze skode se it blauwe, fierstente hurd seane aai fan har ôf. Wat no? Soe se mar net leaver wer nei boppen gean en besykje om wat te lêzen? Einlings kaam Piter de ytseal yn. Hy seach sykjend lofts en rjochts om him hinne. De kelner dy't har betsjinne hie, gie op him ta en sei wat tsjin him, wylst er har kant útwiisde. Hja krige it gefoel, dat alle minsken ynienen nei har seagen. Wat hie Piter te laitsjen? ‘Wêr hasto sa'n wille om?’ frege se stiif, doe't er by har taffeltsje oankommen wie. En doe fertelde er, wat dy jongeman niis tsjin him sein hie: ‘Ihre Frau Mutter hat sich dort schon am Tisch gesetzt, Herr Troelstra. Sie hat ihre Kaffee schon bekommen.’ ‘Wat? Wat sei er?’ ‘Ihre Frau Mutter... ha, ha... en hy makke der suver in bûging by de kant fan Mem út, wat kin dy man der nu ver bykomme net, ha, ha...’ It die har sear, dat Piter sa lûd bearde. Hja besocht strak foar har út te sjen, want se fielde wol, dat der har stadich triennen oer de wangen begûnen te rinnen. ‘Wat no, Pop? Gûlsto? Fynsto dat net komysk, dat sa'n man tinkt, datsto myn mem biste? Hoe komt dy fint derby, net? Hy moast ris witte, hoe't ik fannacht noch fan dy dreamd haw. Myn mem, ha, ha.’ Noch hyltyd slop fan laitsjen plofte Piter by har del. Hja biet har op 'e lippen, mar it slagge net in snok tebek te hâlden. Doe | |
[pagina 65]
| |
draafde se de ytseal út. Freeslik, ferskuorrend, ôfgryslik, Piter begriep der hielendal neat fan! Hy lake har út! Wat fernederjend, dat hja der no al sa âldsk útseach, dat dy man... En Piter, dy't sa'n each hie f oar moai... Piter, dy't oan alle fingers... Op dat stuit wie se der wis fan, dat se de ferkearing útmeitsje moast. Hja koe him sa net wer ûnder eagen komme! Hy soe him deaskamje as hja no noch tegearre sjoen waarden. Hja hie de doar fan de hotelkeamer op slot draaid en wie langút op it bêd delfallen. En doe hie se skriemd, skriemd, as nea earder yn har hiele libben. Hja fernaam earst net iens, dat der op 'e doar bûnze waard. Doe 't it einlings ta har trochkrong, dat dat leven op 'e gong om har wie, rûn se nei de doar ta sûnder har der noch om te bekroadzjen, hoe't se der op dat stuit útseach mei har begûlde antlit. It wie út en foarby. Hja koe der better mar hielendal in ein oan meitsje, dan hoegde se thús ek neat mear út te lizzen. Hiene Heit en Mem wol ea fertrouwen hân yn har ferkearing mei Piter? Har wanhoop wie doe sa grut en alles oerhearskjend, dat hja echt miend hie, dat se dea woe. Sa kâld! As wie se troch it iis sakke en sleat it tsjustere wetter har yn. Hja gappe nei de siken, omdat der har in stien fan kjeld op it boarst lei. Stadich liet se har meisûgje. Ferdrinke, dan wie se fan alles ôf. Piter hie har sêft op 'e rêch kloppe en oer it hier streake, mar hja wie sa fan it sintrum, dat se syn hân ôfskodde hie. ‘Bliuw fan my of!’ ‘Sjoukje, Sjoukje, wat is der? Do dochst sa frjemd. Ik begryp der neat fan. Haw ik dy wat missein? Bist lilk op my? Sjoch my ris oan, ju, lit it my útlizze. Ik hie bêst mei dy kuierje wollen fan 'e moarn, ju, mar ik hie ûnrêstich dreamd en waard betiid en noch heal yn 'e sûs wekker. It like wol knap waar, dat doe wie ik mar in ein te rinnen gien.’ Hja liet him tsjin har skokkende skouders oan prate. ‘Toe no, ju, ik tocht, datsto noch lekker leiste. De rêst soe dy goed dwaan, miende ik. Juster en earjuster wiest ek net sa skrander. Wier, ik hie dy echt wekker meitsje wollen, Sjoukje, as ik werom wie om dan gesellich tegearre te iten. Ik seach allinne foar de wissichheid even by de ytseal en doe kaam dy kelner al op my ta.’ Hja draaide har nei him ta, wylst se sei: ‘Do begrypst der hielendal neat fan, hèn, Piter! Dêr giet it dochs net om! Do hast ek noch nea | |
[pagina 66]
| |
wat fan my begrepen. Ja, ik makke my ûngerêst as in âld wiif, mar dat is it net. It is, it is...’ ‘Wat is it dan, famke? Do dochst sa raar. Ik begryp dy echt net, wier net. Sis dan wat ik ferkeard dien haw.’ Hja moast djip suchtsje om lucht te krijen en hie der doe yn ien sike útsmiten: ‘It is om alles, Piter. Alles is sa útsichtleas, sa ellindich, omdatsto net mear fan my hâldst en miskien wol nea echt om my jûn haste. Ik bin sa nerveus, sa swak, ik kin net mei dy trouwe, mei dy net, mei net ien net! Wier net. Ik wit it al in skoft..., ik doarst it net te sizzen, mar... no bin ik der wis fan: ik dooch net om te trouwen, hielendal net, mei gjinien. Ik...’ Hja hie it net weage en sjoch him oan. Har lûd waard heal smoard yn it kessen: ‘En dat dy man, dy kelner, dat dy my foar dyn mem hâldt, dat fyn ik noch it slimste fan alles en datsto dêrom lakest...’ Hja koe net fierder prate, der siet har in brok yn 'e kiel, dy't se nea wer trochslokke kinne soe. Piter seach har ferbjustere oan en as immen dy't om help siket, besocht er har oerein te lûken. ‘Lit my los! Do, do fernederest my. Ik wit wol, dat ik net kreas bin, mar do hoechst my net út te gnizen. Ik bin mar twa moanne âlder as do, ik bìn dyn mem net!’ ‘Fansels net, Sjoukje, is dat it? Hâld op, ju! Makkest dy dêr sa drok om?’ Hy lake al wer ferromme. ‘En lit sa'n man soks tinke, wat dan noch? Wat kin dy dat skele? Ik haw fan ús mem in protte hâlden en fan Moe ek, mar hiel oars as fan dy. Do bist myn faam, do wurdst myn wiif. Der is gjin kwestje fan, dat ik dy útlaitsje, of dat ik net mear fan dy hâlde soe. Wat binne dat foar sleauwe oankomsten? Kom, ju, droegje dyn triennen!’ Stadich wie se in bytsje oereinkommen. ‘Hoe komst dêr no by, famke? Ik lake inkeld om dy man, omdat ik it sa'n komyk idee fûn. Leau my noris! Ju, Sjoukje, kom hjir no ris lekker by my te sitten, dan sil ik it dy dochs fertelle, fan myn dream fan fannacht. Kom, hiel tichteby, sa.’ Hy sloech in earm om har hinne en luts har stiif tsjin him oan. ‘Och, Pop, ik hie fannacht dreamd, - moatst it net slim fine - ik dreamde, dat wy troud wiene en dat ik, eh, no ja, dat ik by dy lei. Wy hiene it sa goed tegearre. It wie waarm, sêft en sa fredich... einleas. Ik krige sa'n langstme nei dy, omdatsto no sa tichteby my wiest en dochs | |
[pagina 67]
| |
net... Ik koe der net mear fan sliepe en dêrom wie ik der útgien fan 'e moarn, om my dy oerstjoere tinzen út 'e holle waaie te litten. Famke, famke, do bist my hillich, dat witst dochs, hoe soe ik dy dan op it sear komme wolle?’ Hja hie skou omheech sjoen. Piter syn gesicht stie tige earnstich. Doe besocht se har triennen te druien, mar har lyts kanten bûsdoekje wie trochwiet. Hy joech har syn grutte en treau har doe op 'e nij tsjin him oan. Mei syn noas yn har hier sei er: ‘Toe no ju, raar famke, wat hellest dy yn 'e holle? Datst net mei my trouwe kinste? En myn dream dan?’ En doe hie se him ferteld fan alle teloarstellingen en fertriet, fan har mankelikens en mismoedigens. Hja hie him sels opbyehte, dat se niis fan doel west hie om in ein oan har libben te meitsjen. Dêr wie Piter kjel fan wurden. ‘Sis dat nea wer, Sjoukje! Hâld op mei sokke oerdwealske, romantyske optinksels! Sa meisto net. Asto dat dochst, dan kinne wy better hân yn hân yn de Elbe springe. Wy hawwe inoar dochs ûnthjitten it libben mei-inoar te dielen? Do sjochst it no fierstente somber yn allegearre, omdatst de lêste tiid net rjocht yn oarder wieste, mar as wy aanst troud binne, dan komt it grif wol goed mei ús, ju. Dêr bin ik wis fan. It wie sa hearlik yn myn dream, Sjoukje, wy, tegearre, sa iens, ik fielde my hielendal lokkich, folslein.’ Hy joech har hoeden in tút op 'e foarholle, sa tear, ynholden en kein as er har ek dy alderearste jûn nei it bal syn leafde toand hie. ‘Do moatst wat mear fertrouwen yn dysels hawwe, Pop, en ek yn my! Wy boaskje net sa't men mei-inoar nei de merke giet. Do en ik trouwe aanst om elkoar bystean te kinnen yn goed en yn tsjoed! Do meist my net yn 'e steek litte! Ik haw dy dochs ek nedich, Sjoukje. Wat soe der fan my wurden wêze, asto doe net yn myn libben kommen wiest, twa jier lyn? Do meist net sa lyts fan dysels tinke, do kinst sa'n soad!’ Hja hie it fansels mar al te graach leauwe wollen, dat er noch wol om har joech. En doe't er sa ticht by har wie en sa leaf tsjin har prate, hie se wier de âlde ferbûnens ek wol wer field. It stimke yn har dat noch frege hie, oft har wissens wol sa fêst wie en oft hja net better har yntuysje folgje koe en by har beslút bliuwe, lei se it swijen op. Piter soe der altyd foar har wêze! ‘Do hast gelyk,’ sei se krigel, ‘ik sjoch de dingen wol faker te somber yn. Ik mis dy ek sa!’ | |
[pagina 68]
| |
‘Ik mis dy ek! Famke, famke, wat bist dochs leaf! Meist nea wer om my gûle.’ Hja wie ticht tsjin him oan krûpt. En yn de feiligens fan syn earm hie se frege: ‘Soe it noch lang duorje, ear't wy trouwe kinne, Pyt? Ik wol it ek sa graach, altyd by dy wêze, dei en nacht.’ ‘Ik kin mei in healjier myn meesterstitel wol helje,’ antwurde er fol bravour. ‘En as ik my no fûl op 'e boeken smyt, as ik aanst wer yn Grins werom bin, dan kin ik takom simmer noch wol promovearje. Ik kies in net al te dreech ûnderwerp foar myn proefskrift út. It kin my neat skele, dat ik der dan net in heech judisium foar krij. In tin boekje is genôch. Dan bin ik der ôf. En as it dan slagget om gau in plak te finen as advokaat, dan kinne wy yn 'e neisimmer fan takom jier noch wol troud wêze. Tink dy dat ris yn, Sjoukje. Altyd tegearre! Dan binne wy beide achtentweintich en haw we wy noch in hiel libben foar ús.’ | |
7.Dy deis wie der fansels neat mear fan kommen om de stêd te besjen. Ticht tsjininoar oan hiene hja praat tegearre, oeren lang, oer wat hja wurdearren yn elkoar en wêr't hja har yn fersind hiene. Oer de famylje en de ferwachtings dy't de âldelju fan har hiene, oer it ferline en folle mear noch oer de takomst. It wichtichste wie, dat Piter har wer it fertrouwen jûn hie, dat hja mei har beiden it libben treast wêze soene yn goede en yn minne tiden. De dagen dêrnei hiene hja der fan moarnsier oant jûns let op út west om noch safolle mooglik te besjen. Hamburch wie doe al in drokke stêd, dêr't it lawaai fan skipstoeters op de rivier en fan it laden en lossen oan de kaden noch oerstimd waard fan de drokte op de grutte bouwurken. Sa'n fjirtich jier earder hie in enoarme brân omtrint it hiele midsieuske sintrum yn 'e jiske lein en rûnom wiene doe wurklju dwaande om de earder sa prachtige âlde Hanzestêd nòch moaier wer op te bouwen. Ut in ûnbidich grutte put riisden de earste muorren omheech fan wat it nije ‘Rathaus’ wurde moast. Tsientallen, miskien wol hûnderten arbeiders skrepten dêr yn om mei stiennen en speesje. Kroaden | |
[pagina 69]
| |
waarden efter inoar oan oer smelle planken nei ûnderen riden, leech kipele, omheech treaun en wer fol skept mei sân, dat yn grutte bulten op 'e dyk lei. Weinen mei hynders derfoar rieden ôf en oan mei peallen, planken, frjemd foarme buizen en grutte brokken natoerstien, dy't yn it fûnemint ferwurke waarden. Mei grutte tekeningen yn 'e hân rûnen opsichters by de útsette slûven del. Oan alle kanten wie beweging en leven. Skoftenlang stiene hja dêrnei te sjen mei de earmen ominoar hinne. It like wol in eameldersheap, sa'n bouplak, hie Piter sein. Dy mantsjes krioelen dêr yn 'e djipte skynber yn 't wylde wei trochinoar hinne, mar dochs folge elk it plan en wist syn wurk. Yn de havens hiene hja har ek de eagen útsjoen. Dêr hearden jo alle talen trochinoar praten en al wer hiene se har fernuvere oer it enerzjike mei-inoar oparbeidzjen fan safolle minsken. Dy dit, dy dat, as de rêden fan in masine. Kisten út Santiago, Stockholm, Rotterdam en New York stiene op de kaden, mar ek wol mei opskriften yn frjemde letters dy't hja net of mar mei de grutste muoite ûntsiferje koene. Balen guod yn grutte palmblêden ferpakt, beamstammen, sekken fol weet en kofjebeane, tsjokke rôlen tou en dêrtusken geheimsinnich griene flessen yn tinen kuorren. It rûkte nei fisk en nei tarre, nei krûden út fiere lannen en ek nei de sâltigens fan it lân efter de seedyk by Peazens. Hja hie de earmen útspraat en de rook djip opsnúfd. De frisse lucht hie har wer sûn en moedich makke. De rivier like by Hamburch hast in see sa breed en op in moarn, doe't hja wer oer it wetter fan de Elbe stiene út te sjen, wie der krekt in grut passazjiersskip fan de ‘Hamburg-Amerika Linie’ de haven útfarren kommen mei hûnderten lânferhuzers oan board. Dy stiene manmachtich oan de relings om sa lang as hja koene noch de kontoeren fan de stêd yn har op te nimmen en as lêste byld fan it heitelân de tuorren fan de ‘Sankt Petri’, de ‘Sankt Jakob’ en de ‘Sankt Michaelis’ heech tsjin de loft ôftekene te sjen. Earme ferskovelingen dy't troch de minne situaasje yn de lânbou - it soe yn Dútslan wol neat better wêze as yn Fryslân, tocht Piter - hûs en hiem ferlitte moasten om yn it fiere Amearika in nij bestean te sykjen. Yn de etalaazje fan de grutte fotowinkel fan Eugen Meise yn de Poststrasse, dêr't hja as hja út de stêd kamen lâns rûnen op wei nei | |
[pagina 70]
| |
har hotel, hiene se de portretten al hingjen sjoen dy't sokke emigranten meitsje lieten by de ôfreis, as oantinken foar de sibben dy't hja foar it neiste yn dit libben net wer sjen soene. Earnstige manlju mei in trek fan berettens om de smelle mûlen en jonge froulju, famkes soms hast noch, dy't fol noed de takomst yn 'e mjitte seagen. Der lei wat weemoedichs oer har wêzen, mar de eagen ferretten ek in fûnkje fan nocht oan it aventoer, in gefoel fan frijheid. De nije wrâld lokke! Wylst hja it skip nei-eagen, hie se dy foto's wer foar har sjoen en mei hiel har hert winske se dy krigele minsken in behâlden feart en in lokkige takomst ta. Piter hie betocht, dat hja ek nochris in portret meitsje litte moasten fan har beiden. Hja hie dêr net folle fidúsje yn hân. It slagge har nea it gesicht lang genôch stil te hâlden en dêrtroch mislearren foto's fan har omtrint altyd. Piter moast mar ien fan himsels meitsje litte, hie se sein, dan koe se dêr tenei nei sjen, as de mankelikens har wer ris oermânsk drige te wurden.
In deimannich letter sieten se wer foarinoar oer yn de trein, mar wat in ferskil mei de hinnereis! Nei al dy dagen dy't hja tegearre trochbrocht hiene, wie der net iens safolle mear te praten, mar de stilte wie - oars as in wike earder - no net mear pynlik. Tefreden sieten se elts mei har eigen lektuer foar har en liezen der echt yn. Piter hie in stúdzjeboek út syn koffer helle en makke flitich oantekeningen. Ut en troch seach er neitinkend op. It wie krekt, as fielde se dan, dat er har kant út seach. Dan knikte se him ta, syn eagen ljochten op en hy lake har oan. Sûnder wurden bûgden se har dêrnei wer oer de boeken, mar der hie dochs in petear west. Hja wie alhiel ferdjippe rekke yn it bondeltsje, dat Piter foar har kocht hie, doe't hja it yn de etalaazje fan in boekwinkel lizzen sjoen hiene. Träumereien an französischen Kaminen hiet it, mearkes fan Leander. Dat wie in Dútske dokter, hie Piter sein, in legerarts, dy't de ferhalen dy't er by de belegering fan Parys yn 1871 jûns oan syn soldaten ferteld hie, nei de oarloch opskreaun hie. Hy hie alris oer dat boekje praten heard troch Jan Goeverneur yn Grins. Dy syn freon Charles van Duijl hie der in Hollânske oersetting fan makke dy't Jan-om wakker priizge hie yn syn Oude Huisvriend. Hja wie tige wiis mei it kado. No hie se njonken Piter syn nije foto | |
[pagina 71]
| |
noch al in oantinken oan Hamburch. It wie eins net earlik: hja twa dingen en Piter neat. Ynienen hie se witten, hoe't hja him dan ris ferrasse koe. Sa't dy Van Duijl dy teltsjes yn it Hollânsk oerset hie, sa koe sy se ferfryskje. Dat wie in moai plan. Piter soe der oan sjen kinne, dat syn wurden doel troffen hiene. ‘Do wiest, doe't ik dy krekt koe, sa'n krigel jongfaam!’ Ho ris, dat wie se noch! Hja soe wer flink wurde en oan it wurk gean! | |
8.De wiken dêrnei hie se och sa iverich dwaande west mei it fertalen. It foel noch net iens ta en skriuw moai linich Frysk en de krekte betsjutting fan Leander syn wurden ûntgie har ek noch wolris. It wurdboek moast der gauris by. Earst fan it Dútsk nei it Nederlânsk en dan goed neitinke, hoe't Mem de dingen plichte te sizzen of eartiids yn Nes, âlde Nynke. Hja hie besocht de ferhaaltsjes sa aardich mooglik nei te fertellen en stelde har dan mar foar, dat der in pear berntsjes nei har sieten te harkjen, lykas earder by dûmny Scheltema yn 'e hûs of by Willem en Rensia. Dan woe it fertellen better. Doe't se seis teltsjes klear hie, stjoerde hja se Piter ta. Dy skreau fuortendaliks optein werom, dat se tegearre it wurk nochris goed besjen soene om de stavering te behoffenjen. Hja hie ommers net leard om de eigen taal sûnder flaters te skriuwen, mar fierder mankearde der neat oan har fertalingen, hy fûn se prachtich en woe besykje der in útjouwer foar te finen.
Doe't er in wykmannich letter by harren wie, fertelde er, dat er mei Pijttersen út Snits, de eardere útjouwer fan De Oude Huisvriend dêr't hysels ek wol yn publisearre hie, al oer har ferhaaltsjes praat hie. Syn ferloofde moast se mar ris opstjoere, hie dy sein. ‘O, Piter, wat echt! Ik kin it hast net leauwe, dat der aanst miskien in boekje fan komt. Hoe moat dat dan allegearre?’ ‘Ik sil dy wol helpe, ju. Pijttersen wurket wol faker mei in printer yn Grins, dat is noflik, dan kin ik wol mei de printkladden rêde. Hiest al in titel yn 'e holle, Sjoukje?’ | |
[pagina 72]
| |
‘Nee, dêr haw ik hielendal noch net oer neitocht. Ik hie dy oersettings winliken allinne mar foar dy makke, samar foar de aardichheid.’ ‘Träumereien an französischen Kaminen hjit dat boekje fan Leander, no? Wat sille wy dêr ris fan meitsje? Dreamerijen by de hurd? Fynst dat wat? Dreamen?’ ‘Nee, dan leaver mimeringen, of nee, dat heart sa grutminske-eftich. Ik hâld it leau 'k mar gewoan op teltsjes. Under it skriuwen haw ik my hyltyd foarsteld, dat ik siet te fertellen, gewoan noflik fertelle yn skimerjûn, foardat de lampe opkomt.’ ‘Dat is it, Pop, dat is in moaie titel, sa dogge wy it!’ ‘Hoe bedoelst?’ ‘“Teltsjes”, seist niis, en “yn skimerjûn”, dat moat it wurde! Tèltsjes yn skìmerjûn, hearst it wol? Lang, koart, koart, lang koart, koart. Dat rint moai! Teltsjes yn skimerjûn fan juffer S.M.D. Bokma de Boer.’ ‘Nee, dat wol ik net lije, Piter, myn eigen namme! Dat doar ik net heal. Wy moatte mar wat oars betinke, lykas dy Leander dien hat, in namme dy't net ien riede kin.’ ‘Wêr tochtst dan oan, Sjoukje? Jette hat yn har boekje dochs ek gewoan J. Bokma de Boer sette litten?’ ‘Ja, mar ik doar dat net. Ik soe wol soks wolle as, as, lit my even neitinke, no sokssawat as “Anke”, “Yfke” of “Nynke”. Dan tinke de minsken oan in âld wyfke, dat ferhaaltsjes fertelt, lykas earder Nynke fan Foudgum by ús thús die en Nynke fan Syds út Nes.’ ‘Woesto dan Nynke fan Nes dwaan, lykas ik wolris Foekje fan Heech, by myn wiersizzerijen foar de jonge fammen? Dêr stel ik my ek altyd sa'n âld wyfke by foar.’ ‘Ja, sokssawat, mar net fan Nes, dat kin net om echte Nynke en dan soe ik mysels miskien ek noch ferriede. Nynke fan Heech, kin dat net? Of wolsto dat net fanwegen dyn Foekje?’ Piter hie súntsjes foar him út preuvele, as preau er de ferskillende mooglikheden. Ynienen sei er: ‘Ik wit wat. Hasto wolris fan Johannes fan Hichtum heard, Sjoukje? Dat wie in Fryske dichter út de 16de ieu, in foarbyld foar Gysbert Japicx. As wy der no ris Nynke fan Hichtum fan makken? Dan hawwe wy Heech en Foudgum yn ien klap. Doe foar de maskerade en foar ús boekje yn Gysbert-omme trant haw ik it wurk fan dy Fan Hichtum noch wiidweidich bestudearre.’ | |
[pagina 73]
| |
‘Nynke fan Hichtum, ja, goed. As it trochgiet, lit dat dan mar op myn teltsjes sette. En helpst my dan ek mei in foaropwurd? Ik moat dochs yn alle gefal dúdlik meitsje, dat it om oersettingen giet. Dêr moat mar in ferhaaltsje omhinne betocht wurde.’
Doe't, noch yn 1887, dat earste boekje útkommen wie, hie se ien eksimplaar moai ynbine litten foar ‘Foekje fan Heech’. Piter hie der fuortendaliks in moaie resinsje oer skreaun foar yn de Friesche Courant, dêr't syn heit redakteur fan wie. Sokke fiten fan Piter hie se wakker wille om hân. It joech in hiel bysûnder gefoel jins namme yn 'e krante stean te sjen, al wie it dan net har eigen. Krekt as hie se in geheimke mei de skriuwer fan dat stik en knypeage er nei har tusken de rigels fan syn skôging troch: do en ik, wy tegearre! Mar der wiene net folle eksimplaren fan de Teltsjes ferkocht. De minsken wiene doe noch net wend oan boekjes foar bern. En alhiel net yn it Frysk. | |
9.De âlfte oktober 1888, de mannichste dy't hja as troudei steld hiene, wie doe al gau neieroan kommen. Neidat hja út Dútslân werom-kommen wiene, hie Piter syn eksamen foar master yn de rjochten moai flot helle. En - sa't er it him al foarnommen hie - skreau er fuort syn dissertaasje derefteroan oer ien bepaald artikel yn it Wetboek fan Strafrjocht. Yn 'e simmer fan datselde jier wie der al in plak foar him frij by de Ljouwerter baly. In âlde winsk fan syn heit gie yn ferfolling.
Doe't hjasels wer ris foar in deimannich nei Ljouwert reizge wie om tafersjoch te hâlden op it ynrjochtsjen fan har takomstige wente, hie se bliid ferrast sjoen, hoe moai oft it hûs oan 'e Skrâns ûnderwilens al wurden wie. De fervers en stoffearders wiene sa likernôch klear mei it wurk. De meubels waarden ôflevere en teplak set en de beurtskipper liet de kisten en koffers út Renkum besoargje, mei alles wat hja sa ienriedich mei Mem en mei Ytsje byinoar pakt hie. Dochs hie se ek noch wer allegearre lytse dinkjes ûntdutsen, dy't perfoarst noch dien wurde moasten. Piter wie fan betinken, dat hja ôfgryslik oerdreau. | |
[pagina 74]
| |
‘Wier, famke, wat makket it no út oft der kwasten oan de gerdinen komme of net en hokker patroan it kleedsje foar ús bêd hawwe sil? It is my hjir soms sa'n getsjotter oer potten en pannen, as it alteast ris net oer huodsjes en klean giet, dat ik my yn myn eigen hûs folslein oerstallich fiel. Foaral as myn susters har der ek noch mei bemuoie. It ferget wrychtich hiel wat, foardat it de dames nei it sin is. Is soks foar in frou no wier sa wichtich? It liket soms wol, as hinget dyn libben der fan ôf. Ik sil bliid wêze as al dy drokte aanst oan 'e kant is. Dan tel ik miskien ek wer in bytsje mei.’
Wylst hja in deimannich letter yn it middeisskoft nei syn âlderlik hûs ta kuieren om dêre te iten, bekende Piter har, dat er yn dy drokke breidsdagen soms syn eigen mem ôfgryslik miste. ‘Wat soe ik no graach ris mei ús mem prate wollen hawwe, oer hoe't hja har fielde, doe't se op trouwen stie. Hawwe myn âlden lokkich west tegearre? Lokkich, sa't wy ús foarstelle it te wurden, Sjoukje? Wat tochtst? Hat it houlik har de befrediging jûn, dy't se socht hawwe? Wat hiene se gau in beswierlike húshâlding! It is Mem grif net tafallen. As ik oan har tink, sjoch ik har meast op bêd. In smelle holle, brânend wurge eagen, altyd yn noed om har bern, oan 'e ein ta. Us heit wie yn it begjin fan harren trouwen altyd noch drok oan 'e stúdzje; kear op kear waard er oerpleatst, se moasten stees wer ferfarre en dan hast jier op jier in bern derby.’ Hja hie mar stil nei him harke; it like as prate Piter mear yn himsels as tsjin har. Sêft hie se har hân yn syn jasbûse glide litten om sines, dy't er ta in fûst oprôle hie, te streakjen. ‘Moatst dy dat yntinke, Sjoukje. Doe't hja yn 1859 trouden, hawwe se har yn Hurdegaryp nei wenjen set. Ik bin doe it oare jiers yn Ljouwert berne, mar Haukje yn 1861 al wer yn Koudum. Dêrwei binne se nei Assen ferfearn, mar doe't Tryntsje Albertine kaam, wennen se fannijs yn Ljouwert. Dêr hat Heit syn mem doe by ús yn west. Beppe Tryntsje wie der fansels alhiel ôf, doe't har soan ferûngelokke wie yn Konstantinopel. Us Omke Albert wie seeman en dy is by it ankerjen yn de haven mei de holle tusken twa skippen rekke. Hy wie noch mar achttsjin jier en op slach dea. Wiken letter kaam dûmny by Beppe om it har te sizzen; de rederij hie him berjocht dien.’ Hy hie even riboske en doe wer fierder ferteld. ‘Us Rinskje is oan 'e | |
[pagina 75]
| |
Tunen te wrâld kommen, doe't ik krekt op de grutte skoalle wie by master Van der Heide. Dat moat dus yn 1865 west hawwe. Mar doe't Rike berne waard - en hja skele twa jier de jongste fammen - doe wennen wy al wer op it Súdfliet. En ús Rike wie noch in lytse poppe, doe't wy nei Stiens gongen en dêr binne Durk en lytse Albert der noch by kommen. Der siet mar goed in jier tusken myn beide bruorkes en doe't de jongste noch mar twa moanne âld wie, is Mem weirekke, krekt doe't hja it wat nofliker krije soe yn it grutte hûs yn 'e buorren, dat Heit doe kocht hie. 10 maaie 1859 troud en 12 maaie 1871 stoarn. Doe wie se - eefkes rekkenje - Mem wie fjouwer jier jonger as Heit, dan wie se noch mar fjouwerentritich jier, doe't se stoar.’ Hja wie kjel wurden fan dat sifer en hie Piter fûl yn 'e hân knypt. Sels wie se mar seis jier jonger op dat stuit. ‘Och, Sjoukje, wat hat Heit dan ek in grutte egoïst west. Soks kin dochs foar net ien frou goed wêze, sân bern yn âlve jier! Dat wol ik dy net oandwaan.’ Dat Piter syn mem fierstente jong misse moatten hie, hie se wol witten, mar dat it minske sa'n swier libben hân hie, dat hie se noch noait sa goed ta har trochkringe litten. Wie dat no it doel fan it houlik? Hast jier op jier swier reitsje? Hja hold in protte fan bern en woe strak sels ek minlike graach gau mem wurde, mar hja hie har dat altyd oars foarsteld. Ynienen besefte se, dat it byld dat har derby foar eagen stien hie, net botte reëel wie: in foto yn in listke, in printsje fan bliere âlden, deftich yn 'e klean mei in moai en sûn berntsje yn in lange kanten jurk. Wat dêroan foarôf gean moast, dêr hie se har leaver mar net yn ferdjipje wollen. Fansels wist se wol, hoe en wat. Wie se net opgroeid op in doarp? By Hartmans op 'e pleats hie se wol sjoen hoe't de bolle him tjirge by in dúnske ko en as der in kealtsje komme moast, hie se dêr mei Durk, as hja alteast de kâns krige hiene, op 'e knibbels yn it strie by lein te sjen, ien en al niget, mar sûnder ea in ferbân te lizzen mei hoe't minskebern te wrâld komme. Frjemd eins, dat hja dêr, noch mei Mem, noch mei har susters ea oer praten hie. Ynienen hie se doe har eigen werklikheid skerp ôftekene foar har stean sjoen en al aaklik tichteby. Sân bern yn âlve jier en it dan oerjaan moatte. ‘Sa wol ik net, Piter, dêr bin ik bang foar! Do moatst aanst wat | |
[pagina 76]
| |
geduld mei my hawwe. Unthjitst my dat?’ Har lûd hie trille. Ta antwurd hie Piter har syn earm om it skouder slein en har stiif tsjin him oan treaun. ‘Sjochst der tsjinoan, Pop, tsjin it trouwen en bernkrijen?’ Hja hie neat sizze kinnen. Swijend wiene se fierder rûn oant se by it hûs fan Heit wiene. Doe hie se him in tút jûn en sêft antwurde: ‘Do moatst wat geduld mei my hawwe, Pyt.’ ‘Dat ûnthjit ik dy, leafste.’ | |
10.Rom op 'e tiid foar de resepsje dy't steld wie op de snein foar harren trouwen, wie Piter mei syn heit, broer en susters nei Renkum ta kommen. Hja soene by har famylje útfanhûs bliuwe oant nei de plechtichheid, mar de nacht foar de troudei gie Piter nei Willem en Rensia yn Wageningen ta. It joech gjin foech, dat er ûnder itselde dak sliepte as syn breid, hie Mem ornearre, yn sokke dingen hold hja fêst oan de âlde tradysje. It trouwen sels soe net earder wêze as middeis, sadat hja it moarns moai oan tiid hie om har te klaaien en om troch de kapper, dy't foar de gelegenheid oan hûs besteld wie, it hier opmeitsje te litten. It wie prachtich waar op de grutte dei, ek al wie de simmer dan al foarby. De gasten út Fryslân fermakken har wol en alles ferrûn bêst, mar hjasels hie gjin rêst hân, salang't de brêgeman der noch net wie. Moast der ris wat barre mei de trein... Dat koe dochs? Of it hynder fan it koetske rekke op 'e kletter. ‘As jo no net fiif minuten stil sitte kinne, wurdt it neat mei jo kapsel,’ skeat Figaro ynienen út, ‘aanst stek ik jo noch in spjelde yn it each as jo jo hyltyd omdraaie om nei bûten te sjen.’ Hy hie mei beide hannen oan har holle treaun en draaid, oant hja wer rjocht foar de spegel siet. Wat like dat nuver! Oan ien kant hie er it hier al keunstich omheech wurke, wylst de oare helte har noch oer 't skouder hong. It like wol as hie se in dei- en in nachtgesicht. Sa wie se in mefrou en sa - hja hie har wer dwers op 'e stoel manoevrearre om it bêste effekt yn de spegel te krijen - sa wie se noch in famke. Even hie se wer tinke moatten oan de baljurk dy't troch har triennen doe yn Grins hinne en wer like hie te dûnsjen by it kears- | |
[pagina 77]
| |
ljocht yn de spegel by Muoike Hinke. Dat hie winliken it begjin west fan har libben mei Piter. ‘Stil sitte, toe no, juffer Bokma de Boer, wolle jo no even stil sitten bliuwe?’ De kapper like wanhopich fan har te wurden. Skuldbewust bûgde se de holle. Even letter waard der op 'e doar kloppe. Dêr wie de naaister al, dy't har helpe soe by it oanlûken fan har breidsklean. Alles lei ree oer in stoel en it minske kaam deagemoedereard boppe mei in kop kofje yn de hân! ‘Tink derom, Jans, aanst griemst noch op myn jurk!’ ‘Stil sitte!’ raasde de kapper, ‘dêr fljocht my dy hiele frissel wer los!’ ‘O, asjebleaft, mynhear, avensearje asjebleaft, aanst bin ik noch net iens oanklaaid as myn oansteande komt.’ Dêr gong de skille en eefkes letter kaam Jette deryn mei de blommen dy't yn har kapsel ferwurke wurde soene. ‘O, bisto it. Is Piter der noch net?’ ‘Meitsje dy net sa drok, suske, it is noch gjin healwei tolven, de trein stiet noch yn Wageningen, hast noch wol hast in oere de tiid. Mem freget, oft mynhear De Bruyn hjir kofje hawwe wol, of dat er ûnder komt. En do, wolsto ek in bakje?’ ‘Ik krij gjin slok troch de kiel.’ ‘Sizze jo mar oan Mefrou, dat ik hast klear bin en ûnder kom. Noch even de blommen fêststekke en dan lit ik de dames allinne. Hawwe jo hjir noch in hânspegel, dan sil ik jo de efterkant ek even sjen litte.’ ‘Moai,’ hie hja roppen, sûnder te sjen, ‘prachtich! tanke wol’ en doe wie se ûnder syn hannen wei fan de stoel dûkt. ‘No gau myn jurk, Jans.’ ‘Kalm oan, Sjoukje, wy hawwe alle tiid, dat sei juffer Jette dochs niis noch, wêrom binne jo sa senuweftich? Alle dagen trouwe der minsken.’ ‘Ja, mar ik net, ik trou mar ien kear en dat is hjoed, oer - hoe let is it no? oer twa oeren, acht kertier noch mar, hûnderttweintich minuten. Even sjen, oft it rydtúch der al oan komt, ik leau dat ik hynders hear.’ Under wie in doar iepengien en hearde hja it lûd fan Piter syn heit: ‘Is dy jonge der no noch net?’ | |
[pagina 78]
| |
‘No, Sjoukje, hoe fine jo him no?’ De naaister hold einlings op fan ploaien en fimeljen. ‘Ho, bliuw noch even stean, dy iene mouwe moat noch in bytsje draaid wurde, ja, sa is it goed. Is er nei 't sin? It is in sjike japon, hear, al sis ik it sels, jo kinne him letter ek noch wolris drage. Echte side falt altyd moai, mar it wurdt wol gau knûkerich, dat tink der in bytsje om by it sitten. Net op 'e stoel ridelje!’ ‘Ja Jans, ik sil derom tinke, hast him moai makke, hear, tanke wol!’ En doe wie einlings echt de troukoets de strjitte ynriden en hie se wol nei ûnderen ta drave wollen, as har sleepke har net yn it paad sitten hie. Jans koe noch mar krekt tefoaren komme, dat hja in stoel omramaaide en fallen wie. Triljend fan de senuwen stie se even letter boppe oan de treppen, doe't Piter de gong yn kaam. ‘Piter, hjirre!’ Hy hie fuortendaliks nei boppen sjoen. ‘Oh, Sjoukje, wat bist moai,’ rôp er en draafde mei twa trimen tagelyk op har ta. ‘Hjir, Pop, hjir is dyn breidsboeket.’ En wylst er it har yn de earm lei, kniep er har mei blommen en al hast fyn. Wat hie se har op dat stuit lokkich field. Alle soargen foelen fan har ôf. Piter wie der, no soe alles goed komme.
En hja hiene ek in prachtige dei hân. Moai op 'e tiid wie it hiele selskip nei it gemeentehûs ta rekke. Alle akten en papieren wiene ynoarder en de formaliteiten waarden flotwei ôfdien. ‘Piter Troelstra, verklaart gij tot uw wettige echtgenote te nemen Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer?’ Hja wie wol ûnder de yndruk rekke fan de plechtige wurden en doe't Piter syn ‘ja’ lûd en dúdlik troch de trouseal klonk, wist se, dat hja dat momint foar altyd fêsthâlde woe. Sa grutsk en ek tankber hie se har field. Har eigen jawurd wie der frijwat dimmener útkommen, wylst Piter har op dat stuit de hân hast fyn knypt hie. Neidat de akte tekene wie, hie de boargemaster in moaie taspraak hâlden. Hja seach wol, dat har mem en Piter syn suster Haukje de emoasjes even oermânsk waarden, mar sels hie se har allinne mar bliid field, doe't hja njonken Piter yn de trouseal stie en de lokwinsken fan de famylje yn ûntfangst naam. Johan en Roelf, Piter syn tsjûgen, soargen der foar, dat allegearre by it diner aardich selskip njonken har krigen, sadat hja noflik prate koene. De stimming waard al gau fleurich. | |
[pagina 79]
| |
Heit hie as earste in tafelrede útsprutsen fol fan wize wurden, dêr't Mem al wer even de bûsdoek by brûke moast. Piter syn heit hie doe fansels net efter bliuwe wollen. Hy brocht in toast út op it jonge pear en sei, dat er him lokkich priizge no mei de famylje Bokma de Boer ferbûn te wêzen troch it houlik fan syn âldste soan. Ut alles die bliken, dat er och sa wiis mei har wie en ynmoedich hope, dat har houlikslok langer duorje kinne soe as syn eigen. Hja wie dêr suver noch wer oandien fan rekke op it lêst, mar fuort dêrnei hiene de beide studinten in stikje dien en dat wie sa komysk, dat der har doe al gau triennen fan it laitsjen oer de wangen rûnen. Wylst de gasten noch neitafelen, wie hja stikem mei Piter útnaaid en nei hûs ta riden.
En doe't it dan einlings safier west hie, dat hja tegearre allinne wiene yn har âlde famkeskeamer, dêr't tanksij Ytsje har goede soargen alles al wer opromme wie en reemakke foar de breidsnacht, doe wie hja foargoed gewaar wurden, dat geduld net Piter syn sterkste eigenskip wie. Hy hie har ta frou nommen, koart en goed, mei alle hertstocht dy't hja yn him wekker rôp en dy't er sa lang bedimje moatten hie. Dyselde nacht hie se it foar altyd witten, dat der foar har nea wer in oare man wêze koe.
In dei letter hiene se earst de famylje op 'e trein nei Ljouwert brocht en doe wiene se sels de oare kant út reizge, rjochting Parys om dêr soargeleas in skoftke genietsje te kinnen fan it nije libben tegearre.
Yn it lêst fan de wynmoanne 1888 wiene se doe einlings as troud pear yn Huzum kommen te wenjen. En doe barde it al gau, dat hja har soms moarns mar wat minnichjes fielde en leaver noch eefkes lizzen bliuwe woe. It wie mar goed, dat hja yn Hiltsje Feenstra sa'n flinke en fertroude faam fûn hiene. It húsfrou-wêzen foel har dochs net ta.
In oardel moanne letter wie Piter op in middei wat earder as oars fan de rjochtbank thúskommen. Hastich besocht se noch it fine wite jern, dêr't hja mei oan it breidzjen wie, fuort te triuwen yn 'e naaikoer, mar hy hie it dêr pleagerich wer út helle en har op in ferklearring ferge. Doe hie se it him wol fertelle moatten, dat hja by dokter | |
[pagina 80]
| |
west hie en dat hy, as alles goed gie, yn July heit wurde soe. ‘O, Sjoukje, dat wie it dus, in sûne sykte en sa gau al. Wat silsto in leaf memke wêze! No is der gjin lokkiger pear op 'e wrâld as wy.’ |
|