| |
| |
| |
| |
| |
| |
Haadstik I Fersein
(1925)
Sa'n pensjon koe dochs oars net wêze as in tydlik ûnderkommen, tocht se, doe't hja op in moarn op har manier sa'n bytsje oan it húshâlden wie. In thús waard it nea, omdat der gjin ferbân wie tusken de dingen: de stuollen dy't hja no ôfstoffe, hiene earder om in hiel oare tafel hinne stien en har eigen kleed wie te grut en te swier. Hja paste hjir sels net en meikoarten moast se no echt ris in beslút nimme oer wêr't se dan wol it lêste eintsje fan har libben slite woe. Lang soe it faaks net mear wêze, mar hja woe net yn in wachtkeamer sitten bliuwe.
Yn de jierren dy't efter har leine, hie se safolle reizge, dat hja wolris it gefoel krige hie hast te wenjen yn har beide grutte koffers. Salang as hja mar wat eigens om har hinne hân hie, hie se har rûnom wol deljaan kinnen. In tal boeken, foto's, Mem har taffelskleed mei de plusen figuerkes... mear as har koffers drage koene, hie it net wêze hoegd. Yn it lytste hierkeammerke hie se wol oeren fan folslein lok belibbe: in tafel, in stoel en in sirkel fan lampeljocht boppe it skriuwblok...
Mar no't hja fiifensechstich wie, waard se te âld foar sa'n swalkjend bestean. Hja woe no wer in fêst adres hawwe mei in útfanhuzerskeamer foar as de bern thúskamen, mei bloeiende blommen foar de finsters en in buordsje op 'e doar: S.M.D. Troelstra-Bokma de Boer. Dan koene de minsken har ek wer fine.
Sa't it ferline jier gien wie, sa woe hja perfoarst net wer: yn de wintermoannen besykje in bytsje thús te wurden yn de pear fjouwerkante meter fan in pensjonkeamer om as de maitiid kaam it stee romje te moatten foar simmergasten dy't mear betelje koene. Hja woe net nochris har guod opslaan yn in âld skuorre en op skobberdebonk by goekunde en famylje útfanhúzje. Jette en Rensia mienden it har tige, mar by har lêste ferbliuw yn Bennekom hie se wol murken, dat har susters no echt âld waarden en alhiel yn it ferline begûnen te libjen. Ungeduerich wie se dêrfan wurden; hja hie sels altyd noch gâns wurk ûnder hannen en mear plannen as se ea útfiere kinne soe.
De freonen yn Skeveningen, by wa't hja letter in gastfrij ûnderkom- | |
| |
men fûn hie, hiene har ek wakker let en set, dat hoegde net oars, mar fjouwer wike by oaren oer de flier wie te lang. Beide partijen wiene net frij: hja as gast net, mar dy minsken net iens yn har eigen hûs. Visite en vis... hoe hie Mem dat ek mar wer sein eartiids? Visite en vis blijven drie dagen fris. Sa wie it. Hja hie har ferromme field, doe't hja wer op harsels wie.
Lykwols joech it besef dat dit nije pensjon yn Bergen oan See ek wer foar tydlik wie har in gefoel fan ûnrêst, as siet se mei de mantel oan yn har eigen keamer.
As hja earlik wie, wist se ek wol, hoe't it kaam, dat hja de beslissing oer in fêst wenplak hyltyd foar har útskode. Mei har man hie se earder in kear miend in nij libben begjinne te kinnen troch fannijs in húshâlding op te setten, troch har alhiel op 'e nij yn te rjochtsjen, en krekt te dwaan as soe it him dêr yn sitte. Dat wie doe folslein misbeteard, twa jier letter hiene hja skieden west. Dat makke har skruten, de ûnwennigens siet yn harsels.
Dy skieding, dat waard aanst al achttsjin jier. Wat wie it eins, dat har dêr de lêste tiid sa faak oan tinke liet? Hja betrape harsels der wol gauris op, dat se moannen en wiken oan it úttellen wie en hyltyd mei data en jiertallen ompankoeke.
Fan 1888 oant 1907, dat wie njoggentsjin jier en fan 1907 oant 1925 wie... Destiids boaske yn oktober en no wie it al wer yn it lêst fan septimber. Hja wie doe yn 'e maitiid fan '07 ôf set nei har dokteres en yn july hie Piter har doe skreaun, dat er fereale..., mar offisjeel wie de skieding earst op 6 novimber 1907 útsprutsen. It skuorde net út, dat hja no omtrint al like lang byinoar wei wiene, as hja ea troud west hiene. It like wol, as soe der, as dy skoften gearfoelen, in nij tiidrek yn har libben oanbrekke. Wie har skuld dan einlings boete?
Kom, kom, Sjoukje, beskrobbe se harsels, wylst se it rút iepen die om de stofdoek út te slaan, net sa sentiminteel! Skuld is sa'n swier wurd.
It soe de ûnwissens fan har takomst wol wêze, dy't makke, dat it ferline har nea út it sin wie tsjintwurdich.
Of kaam it trochdat Piter him okkerdeis út de polityk weromlutsen hie en der yn de kranten by gelegenheid fan syn ôfskie wiidweidich
| |
| |
skreaun wie oer har eardere man? Hja hie dy stikken út soarte mei belangstelling lêzen, mar wol hyltyd yn it witten dat it hàr net mear oangie. En dochs, it wie mar sa't it wie, de ferbûnens wie bleaun. Der wie no ek foar har wer in faze ôfsletten en alles wat de skiedende partijlieder oan de ferslachjouwers fertelde oer syn ropping, syn idealen en syn striid, hie lange jierren ek har libben west.
By it lêzen fan syn útspraken hie se har der somtiden oprjocht oer fernuvere, dat guon dingen har yn syn ûnthâld blykber hiel oars fêstset hiene as yn harres. Piter Troelstra spile de haadrol en hja hearde ta syn publyk of heechút by de figuranten. Sa stelde hy it no foar. As hie syn earste frou inkeldris in brief opbringe mocht! Wylst doe, yn it begjin fan har trouwen, yn de pioniersjierren fan de arbeidersbeweging, doe hie hja dochs wol deeglik in rol hân. Mei alle respekt foar syn miening, dêr wie se wis fan en hja liet har har eigen oantinkens net ôfkrije, ek net fan Piter: jierrenlang hiene hja skouder oan skouder yn de striid stien. Hy yn it iepenbier, hja meastentiids thús, mar mei deselde kriich!
Hy woe de kommende jierren besteegje oan it skriuwen fan syn memoires, hie Piter tsjin de sjoernalisten sein, dy't him fansels ek frege hiene, wat no syn plannen foar de takomst wiene. Winliken soe hja dan de oare helte fan dat ferhaal nochris fertelle moatte. ‘De frou fan Piter Jelles of it libben fan in skriuwster, neffens de wiere feiten optekene troch Nynke fan Hichtum’. Sokssawat! Hja moast laitsje om harsels: sa'n libbensferhaal soe wol hiel wat oars wurde as in berneboek, mar se smiet it idee dochs net alhiel fuort. It soe har goed dwaan wer ris in grut wurk op te setten.
Doe't hja by it himmeljen oan de portretten fan de famylje ta wie, realisearre se har, dat se by de kar fan in wenplak no echt allinne mar mear mei harsels rekken hoegde te hâlden. De bern wiene grut, Heit en Mem wei en har man... Och, Piter hie Sjouk. Om har, om syn nije leafde, hie hja destiids net nei De Haach weromgean wollen en dêrnei hie se hyltyd op oare plakken wenne. Earst yn Utert, dêr't Dieuwke sjongles hân hie en Jelle nei de h.b.s. koe; letter yn Genève fanwegen de ritmykstúdzje fan de bern. De omstannichheden hiene altyd foar har beslist. Ferline jier hie se om distiid hinne noch yn Súd-Frankryk sitten mei har soan...
| |
| |
Hja hie him de lêste jierren mear nedich as hy har, mar dochs hie Jelle har frege om wer mei him nei Hollân werom te gean. Hy woe yn alle rêst it portret fan syn heit skilderje, dat oanbean wurde soe by dy syn ôfskie as direkteur fan de Neerlandia. Dat moast no fansels it moaiste skilderij wurde, dat er ea makke hie, sa bliid wie er mei de wurdearring dy't er einlings fan Piter krige. En yn Frankryk koe er Heit net goedernôch foar him krije, hie Jelle sein. Dizze kear koe it mei foto's net ta; hy woe werom nei it flakke lân dêr't Heit út fuortkommen wie, nei de lege loften en de nofteren kleuren. Yn De Haach soe Heit foar him posearje kinne.
Hja hie dat begripe kinnen en woe har soan graach tewille wêze, mar it hie har ferline hjerst mear muoite koste as oars wol om ôfskie te nimmen fan dat safolste tydlik wenstee. Sa'n plakje as yn Banyuls krige se nea wer! Hja hie dêr sa prachtich wenne yn dy âlde filla middenyn in grutte, suver parkeftige tún mei palmen en eukalyptusbeammen. As hja de eagen ticht die en har dy ferware stammen mei de fine griisgriene blêden foarstelde, dan krige se de krûdige rook wer yn 'e noasters! As fansels sette se de longen iepen en sykhelle djip. Dy frisse lucht wie sa woldiedich! En fierders hie se it dêr ek tige nei 't sin hân. De Katalaanske kostfrou hie in freonlik en behelpsum minske west en it wie dêr hast altyd myld waar, sels yn 'e winter; dat hie har âlde bonken goed dien.
Yn har dreamen ferkearde se noch geregeld yn Frankryk. Yn in ivige beweging rôlen de weachjes fan de Middellânske see tsjin de ôfsliten - en dêrtroch moai rûne - stientsjes op it strân oan; oer de brêge op de âlde balstiennen bôgen kaam in omnibus it doarp ynriden om stil te hâlden by it monumint foar de fallen soldaten; in karre mei in hynder of in ezel derfoar helle de koffers fan de nije gasten op. Optein en fleurich kuieren de minsken omheech it doarp yn.
By de wetterline pjukte in omstipper wat yn it jolm om en as er wat fûn, smiet er syn stôk in ein fuort nei ien fan dy ûnbestimde, altyd by de see omstrunende, gielbrune hûnen ta, dy't - ynienen wach en op in beleanning begien - dêr dan efteroan draafde en it weardeleaze stik hout braaf apportearre.
Banyuls sur Mer... hja hie dêr in noflik libbentsje hân. Moarns kuiere se de smelle strjitsjes del, oer in stik of wat stiennen treppen fol potten en kuorren mei bloeiende blommen nei it strân, dêr't hja dan oeren efter inoar sitte kinnen hie te drôgjen, samar mei harsels allin- | |
| |
ne. Op ien fan de terraskes yn it skaad fan de tsjerke hie se yn 't middeisskoft wat bôle mei tsiis en oliven iten en har siësta hâlden om letter fannijs nei it wetter ta te gean. Dat wiene de oeren fan de breidzjende memmen mei de wetterflugge donkerhierrige berntsjes dy't kopketommelen en mei bûnte ballen boarten. Tsjin de jûntiid, as de gleonens al fan de kleuren ôfrekke, kaam it jongfolk út de winkels en de kafees dat it strân brûkte foar ôfspraakjes en stikeme moetings. Dan wie it har tiid wurden om op hûs yn te gean. Sokke riten fan inkeld mar sjen en mimerje hie se nedich foar har wurk. It jonkje dat se dêr oan it strân mei syn fierstente grut skepnet omheisterjen sjoen hie, koe letter samar ris yn in ferhaal telâne komme, fan in hûn út see rêden, of útfearn mei de fiskersfloat.
As hja der ris in dei gjin nocht oan hie om nei it doarp of it strân ta, dan wie se noflik yn it pensjon op har eigen balkon bleaun. Dêrwei hie se útsjoch op de bergen. Oerdeis yn it folle ljocht hiene dy de djipgriene kleur fan âlde beammen, mar folle moaier noch hie se moarnsier de ile, trochskinend blauwe tinten fûn fan de toppen, dy't stadichwei los kamen út de dize. Dy kleuren hiene har tinke litten oan it lânskip fan har bernejierren, oan in fjild mei bloeiend flaaks of in finne fol pinksterblommen. Yn de frisse moarnslucht like alles flinterlicht. Jûns wie de atmosfear súdliker, broeierich hast mei reade loften dêr't it grien pears by like te wurden en letter donkerblau oant de berchtoppen alhiel weiwaarden tsjin de fertsjusterjende himel. Ta de nacht út hie se bûtendoar wêze kinnen, in neatich minske dat har oerjoech oan de stilte ûnder hûnderten, tûzenen stjerren. Allinne al om it útsjoch op dy bergen, altyd itselde en dochs alle oeren wer oars, hie se dêr wol altyd bliuwe wollen. En it hûs, Les Palmiers, hie wat foarnaams hân, gjin deftigens mar styl. It wie in plak om fan te hâlden.
As hja sa oer har libben neitocht, kamen alle huzen dêr't se yn wenne hie, har wer foar de geast: it bertehûs, dy âld fertroude pastorij oan de râne fan Nes alhiel yn it noarden fan Fryslân, ‘De kleine Rees’, foarnaam hearehûs yn Brummen, de ferboude pleats yn Blarikum dêr't hja nei de grutte oarloch in skoftlang in pear keamers hierd hie by freonlike Roomske minsken mei in hiel rigeltsje bern, dy't har boeken liezen en oer wa't hja yn har ferhaaltsjes skreaun hie.
| |
| |
Der hiene sa by de jierren lâns gâns wenningen west, dêr't hja thúslein hie. Huzen yn strjitten en oan leanen, oan in plein yn de stêd of oan in sânpaad efterôf, allegearre, koarter of langer, tsjûge fan har bestean.
| |
1.
Har earste eigen hûs, it hûs dat hja tegearre mei Piter ynrjochte hie foar harren trouwen, dat hie har dochs it dierberst west. Dêr hie Piter har syn fersen foarlêzen en hearde hja fan Hiltsje de ferhalen oer Mem, Harmke Feenstra, dêrjinsen yn Wergea. Dêr hie se mei har man yn grutte ienriedigens sitten te skriuwen foar it eigen tydskrift, dêr wie harren dochter berne en hiene se har ideaal fûn.
Hja wist it allegearre noch krekt, al wie it no al hast fjirtich jier lyn. Fjirtich jier... As hie it juster west, sa hearde se it Piter noch sizzen op dy simmerdei yn 1888: ‘Sjoch, Sjoukje, hjir sille wy skielk wenje.’
Tegearre stiene se foar it hûs oan de Skrâns yn Huzum, dat Piter dy maitiids hierd hie.
‘Ik húsmanje hjir no al in skoftke allinne om, mar do moatst mar sizze, hoest it aanst hawwe wolste. Ik rêd my wol mei it kantoar, mar it hûs, dat is dyn ôfdieling.’
Hja hie nijsgjirrich om har hinne sjoen: de wente foldie har wol en de strjitte - in leane allyk mei foar it grutste part noch moai nije huzen - lei der fredich en suver noegjend by, sa oan de râne fan 'e stêd.
‘Hè, Pop,’ sei Piter, wylst er har in triuwke joech, ‘wat bin ik bliid, datst der no biste! Koest hjir no mar daliks bliuwe! Ik kin hast net wachtsje oant de troudei. Sil ik dy no mar fêst oer de drompel drage as in brêgeman syn breid?’ Hy makke in beweging, as soe er har by skouders en skonken beetkrije.
‘Hâld op, Piter, ju!’ warde se laitsjend ôf. ‘Doch net sa healwiis! Bist gjin studint mear! Tink om it dekoarum! De buorlju kypje troch de ruten, ik sjoch de gerdyntsjes ferwegen. Do komst yn oktober earst mar netsjes nei Renkum ta foar de trouwerij! Dat heart sa! Boargemaster van Embden sil ús sels trouwe, hie ik dy dat al ferteld? Heit hat it him frege en hy woe it graach dwaan. Ik haw de
| |
| |
breidsjapon al oanpast, do silst dy de eagen útsjen en witst wat ik tocht haw, it is spitich dat dyn broer dêr noch te jong foar is, mar do koest dyn paranimfen wol as tsjûgen freegje. Johan Duparc en Roelf Boerma, dat binne dochs dyn bêste freonen? Dan kinne dy tagelyk moai wat seremoanjemasterje de jûns. Mei dyn promoasje hiene se alles geweldich goed foarinoar. Foar my wol myn neef út Haarlim graach tekenje en myn sweager fansels. Willem Reilingh is echt hast in grutte broer foar my, al koe er om 'e jierren myn heit wol wêze.’
Under it praten wiene se yn 'e hûs bedarre en hyltyd hie se dêr wer wat oars ûntdutsen. ‘Wat in moaie keamer, Piter! Wat in gesellige, ljochte keuken en ek noch in tún! Moaie âlde reinwetterstonne stiet dêr! Heart dy der ek by? En in echte nageltsjebeam! Goaien, it wol hast noch net yn my del, dat wy hjir meikoarten echt wenje sille tegearre.’
Piter wie grutsk foar har útrûn.
‘Sjoch ris, Sjoukje, hjir is noch in kast, dan kin de kapstôk dêre ophongen wurde en hjir, njonken de koken, is de keldersdoar. Dit is myn studearkeamer, hjir sit ik no altyd jûns, as ik fan de rjochtbank kom. Hoe fynst it útsjoch?’
‘Moai, Piter, ik leau grif, dat ik my hjir wol gau thús fiele sil, mar hark ris, hast al in faam foar my op it each? Wy moatte fansels wol in handich tsjinstfamke hawwe en in arbeidster foar it rûge wurk.’ Hy hie har fernuvere oansjoen.
‘Wy moatte aanst al in bytsje meidwaan, Piter, do hearst no by de magistratuer. “Mr. P.J. Troelstra, advocaat en procureur te Leeuwarden”, it stie boppe dyn lêst brief printe, swart op wyt, mar ik kin it my noch hast net yntinke. Bist al yn de kunde kommen mei de deken? O ja, dat moast fansels wol, do hast dy presintearje moatten foar de beëdiging. Hoe is dat gien?’
‘Ik koe Meester Van Hettinga Tromp wol,’ andere er in bytsje wrantelich, as ynteressearre syn nij wurk him op dat stuit net iens safolle, ‘dy syn soan siet ek by it Corps yn Grins en hy is ommers ek foarsitter fan de Liberale Unie yn Fryslân? Hy hat wol by ús thús west.’
‘Och, hearken, Piter, by jim thús? Sa'n deftichheid? As ik strak ek sokke foarname besite ûntfange moat, dan giet der grif fan alles mis. Ik bin noch lang gjin echte húsfrou, hear, al leart Ytsje my no it
| |
| |
itensieden, mar ik haw àl wer in nij ferhaaltsje skreaun.’
Doe hie er ynienen wer fol oandacht west. ‘Wat fijn, ju, dêr moatst foaral mei trochgean, hear Sjoukje, ek as wy aanst troud binne. Ik kin dyn stikjes moai brûke foar For Hûs en Hiem. Der binne, sûnt it twadde nûmer ferskynd is, al wer in hiel nustje nije abonnees.’
‘Moai! Us blêd wurdt echt in sukses!’
‘Ja, mar dochs wol ik foar de nije jiergong noch advertearje yn de kranten. Ik ha der al in rymke foar klearmakke.’ Hy helle in bledsje út de bûse. ‘Moatst mar ris hearre, do stiest der ek yn:
Wa 't it Fryske bloed yn d' ieren hat
En Fryske sin yn 't hert,
'k Leau, dat dy yn For Hûs en Hiem
Dat tiidskrift foar it húsgesin,
Dat útkomt om 't fearnsjier.
Jout âld en jong en earm en ryk
Wa hat foar Wielsma's snedich rym,
Foar Piter Jelles' fjoer,
Foar 't swiete praat fan Halbertsma
Jiers gjin ryksdaalder oer?
Dêrby dy teltsjes foar de bern
Fan Hichtum's âlde Tryn...
Kom, tekenje op For Hûs en Hiem,
‘Kostlik, Piter, hoe krijst it sa foarinoar!’
‘Do kinst oars ek wol rymkje hat Ytsje my ferteld.’
‘Ytsje? Mem har faam? Hoe komst dêr sa by?’
‘No, gewoan, lêstendeis, doe't ik by jimmes wie, doe hie ik sa'n petearke mei har yn de koken. Ik frege, oft se dyn boekje ek lêzen hie en wat hja derfan fûn? No, wûndermoai fansels en doe fertelde se, dat “juffer Sjoukje” ek wol ferskes meitsje koe.’
‘As “mynhear Piter” yn it wykein ferwachte wurdt,’ sei se, ‘dan sjongt de juffer de hiele dei en wit mynhear wol, wat hja dan sjongt? No? Sil ik it sizze? Hawar dan: “Bij het komen een zoen, bij het gaan een zoen en daar tussendoor wel een miljoen”!’
| |
| |
‘Echt wier, Pop, Ytsje hat it my sels ferteld. Wiest in bêst en in gol famke, sei se. Hja soe dy noch komme te missen. En ik haw dus noch tûzenen tuten fan dy tegoede!’
‘Do meist my net sa pleagje.’
‘Ik pleagje dy net, ik fyn dat in prachtich moai fers en wat dat oare oangiet, dêr't wy it niis oer hiene, Sjoukje, do wurdst grif ek noch wolris in baas húshâldster en ast it net wurdst, kin my dat ek gjin sprút skele, hear. Dit wurdt ús hûs en do moatst dy hjir thúsfiele en alle konfraters en oare deftige gasten dy't wy grif noch wolris ûntfange moatte sille, dy kinne om myn part yn in knoop waaie. No sà.’
Hja hie him even yn 'e hân knipe moatten fan tankberens. Ei ja, as Piter har holp, soe it wol klear komme.
Doe't hja it hiele hûs troch west hiene en wer yn de studearkeamer werom kamen, sei er: ‘No moatst ris even rêstich sitten gean, Sjoukje, ik haw ek noch in echt fers foar dy makke. Dat sil ik yn it folgjende nûmer opnimme, mar do meist it no alfêst hearre. Kom ris op myn knibbel, dan lêze wy it tegearre. Ik bin sa benijd, hoest it fine silst.
Foar it finster yn 'e skimer
Sêfte swiete wurden reauntet
Hy syn bliere breid yn 't ear.
Stoarjend nei de donkergriene
Beammen foar it finsterrút,
Driuwend yn in see fan tinzen,
Sjocht it fanke drôgjend út.
Fiere blauwe fierte! takomst,
Fol fan libbens lok en ûnk;
Bliere trouwe fûgel! sjonger
Fan it liet fan 't eigen honk;
| |
| |
Wat de takomst dy ek jouwe,
Silge nocht of djip fertriet,
Hark, dy fûgel fan 'e leafde
Sjongt dy trou syn minneliet.
't Sjongt dy it leaflik fammeherte
Fol fan goudne sinneskyn;
Klibers bûnte dreamen kringe,
Boartsje en djoeie blier dêryn.
En hy lústert sêfte wurden
Dy, syn siele en sin, yn 't ear
Leafde wâlet rûn oer dy ierde...
Libje lang, o lokkich pear!
Hja hie de dichter mar gau in tút jûn, doe't it út wie, tefolle oandien om daliks wat sizze te kinnen. Leafde wâlet rûn oer d'ierde..., sa fielde hja it sels ek. As men lokkich wie, woe men leafst, dat alle minsken op 'e hiele wrâld it ek sa goed hawwe koene.
‘Mei ik it hawwe?’
‘Noch net, ik sil it earst kreas oerskriuwe. Do lêst it aanst wol yn ús blêd. Sitte wy hjir no net krekt sa smûk, as ik it my yn myn gedicht foarsteld hie?’
Hja skode noch wat tichter tsjin him oan. Hy lei har de earm fêst om 't skouder.
‘Och, Pop, it is sa hearlik, datst hjir no biste. Heit en Haukje fleurje der suver ek al wat fan op. Heit hat oars allinne noch mar omtinken foar it wurk. Syn wethâlderskip, de Steaten, de krante, de Neerlandia. Dy man wrot him nochris dea. Hy is sa hurd oer himsels. Plichten en ferplichtings. Wat in libben! En wat hat er bedijd? In moai hûs en in protte soargen. Eins haw ik him nea wer echt bliid sjoen, sûnt ús lytse Nynke stoarn is. Dat haw ik dy wolris ferteld, no, dat wie myn healsuske, it iennichste bern út Heit syn twadde houlik. Wy wiene allegearre like wiis mei dat lytse ding! Lykas grutte Nynke, myn suster dy't in jier, foardat de poppe berne waard, stoarn wie, wie hja neamd nei Heit syn mem, nei Piter Jelles' Tryntsje. Dy beppe moat in hiel flink en ferstannich minske west hawwe.’
Piter swijde ynienen en seach tryst foar him út.
| |
| |
‘Hoe kom ik dêr no sa by, Sjoukje? Al dy deaden. Witst wol, datsto aanst ek wer in Piter Jelles' Nynke bist? Dat jout ferplichtings, famke! Mar, hop!’ - hy sette har resolút oer de flier - ‘wy moatte earst mar ris wer Efter de Hoven sjen. In bytsje geselligens hawwe Heit en Haukje wol ferlet fan. It is foar myn suster grif fertrietlik om oansjen te moatten, dat wy tegearre sa lokkich binne yn it foarútsjoch fan ús houlik, wylst hja húshâldster by Heit is. Us Haukje sil wol net mear trouwe, om't hja Tsjeard grif nea ferjitte kin.’
Piter rûn fannijs nei de skriuwtafel ta om wat út de portefeuille te sykjen, dêr't er syn fersen yn bewarre.
‘Sjoch, haw ik dy dit wolris lêze litten, Sjoukje? Dat haw ik foar myn âldste suster skreaun ta in oantinken oan Tsjeard Hoekstra, ien fan de bêste freonen dy't ik yn Grins hân haw. Hy wie omtrint klear mei de doktersstúdzje en dan soene Haukje en hy trouwe. Doe hat er yn it sikehûs in slim oanhingjende sykte skipe dêr't er yn in pear dagen oan weirekke is. Slim, no?’ Piter stie der fertrietlik by. ‘Dat wie noch foardat ik dy moete hie. Yn myn swartste tiid, sil ik mar sizze. Ik haw dat fers doe makke foar Haukje, mar it giet ek oer mysels, oer doe't ik it libben hast net mear oankoe en bang wie, dat ik nea wer echt fan in frou hâlde kinne soe. “De leafde is blom fan 't hert, dy't moaier bloeit, wat mear it hert moast bliede.”
Mei Fokje Pasma hie ik destiids graach trouwe wollen, mar de famylje woe dat net lije. Wy soene inoar doe in jier lang net sjen om te bewizen, dat wy it inoar mienden, mar it duorre net iens in jier, of hja wie mei in oare fint troud. Och, Sjoukje, asto doe net yn myn libben kommen wiest, dan wie der neat fan my telâne kommen. Doe't Fokje my yn 'e steek litten hie, wie ik sa bang om my nochris te binen... en no bin ik der lykwols dochs wer sa wis fan, dat wy byinoar hearre, Sjoukje. Wacht, ik sil dy noch ien fers foarlêze en dan moatte wy echt fuort.’
Hy burch ‘De lêste klokslach' wer op en fandele in oar fers út de map. Wylst er by de tafel stean bleau, begûn er it hiel earnstich te deklamearjen:
| |
| |
Do hearst oan my en ik oan dy
Ik hab yn 't tsjuster doarme,
En yn 't tsjuster doarmest do;
Troch 't sinneljocht fan ús trou.
Dêrsto, myn bêste, biste,
En dêr ik bin, dêr fielste
Komme ús nin soargen benei;
Dêr laitsje w' yn ús triennen,
Dêr moatst oan fêsthâlde, faam. Wat ik yn in fers útsprek, dat mien ik noch tûzen kear mear, as wat ik samar tsjin dy sis, of bygelyks yn in brief skriuwe soe. Yn in fers moat in dichter altyd earlik wêze.’
Hy strúste de portefeuille ticht. ‘Kom, en no echt op hûs oan! Haukje hat grif ekstra flyt op it iten dien en as wy har wachtsje litte, begjint se te protteljen as in âlde kofjekanne.’
Inoar stiif yn 'e earm wiene se de Skrâns op rûn.
| |
2.
Hja koe Piter doe sa'n fjirdel jier, sûnt hja yn 1885 winliken poer tafallich mei him yn 'e kunde kommen wie op in studintebal yn Grins.
Dat maitiidsbal fan it Grinzer Corps, dat hie yn har jonkheid in feest west, dêr't al lang fan tefoaren oer praat waard. Stil yn harsels of yn in taastend petear mei de kammeraatskes berekkenen de troubere dochters út de omkriten fan de akadeemjestêd, alle jierren as it bal wer neieroan kaam, de kânsen op in útnoeging.
‘Soe Knjilles de Vries ek hinnegean, Anke?’
‘Nee, ju, dy is noch mar twaddejiers, mar Tamme fan ús Omke-en- | |
| |
dy, dy hat krekt syn kandidaats helle, dy giet grif en ik leau net dat dy al fêste ferkearing hat. Soe dy faaks mei my...?’
‘Neef en nicht frijt licht, do kinst nea witte, wat der nochris fan komt!’
‘Doch net sa raar, Jeltsje! Of hasto sels soms in eachje op Tamme?’
‘Ik? Hoe komst derby? Miskien freget Jan Wigers my wol, de soan fan ús buorlju; dy komt withoefaak by ús, as er yn de fakânsjes thús is. As dy noris...?’
Sa gie dat en wa't in âldere broer hie dy't lid wie fan it Corps, waard soms temûk alfêst ris hifke, hoe't hja derûnder stean soe, as dy of dy út syn dispút har noris útnoegje soe? Soe hja dan?
‘Ja, o ja, fansels! Graach!’
En mei in kleur fan ferlegenheid frege sa'n famke dan alfêst oan har mem, hoe't dat dan moast mei in baljûpe en sa en oft Mem gjin kunde hie dêr't hja altemets - it wie fansels noch lang net wis - mar dêr't hja mooglik in nacht twa, trije útfanhúzje kinne soe? Want Broer hie sein, dat hja altyd in pear dagen komme moast, yn ‘Stad’, en op syn kast... nee, dêr wie gjin tinken oan; de hospes seach him oankommen!
En as der dan yndie ein febrewaris, begjin maart in brief út Grins kaam mei de frage oft de juffer de studint de eare fan har selskip oandwaan wolle soe, dan begûn de wille earst rjocht. De kammeraatskes dy't alris hinne west hiene, waarden útkloarke oer hoe't hja dat hân hiene, wat no winliken de wizânsje wie en hokfoar klean der no eins krekt droegen waarden op sa'n studintefeest. Moukes en in keken kraachje? Of wat frivoaler, in jurk mei in bleate hals en dan in stola derby? En lange wanten fansels, mei fan dy knoopkes...
It hie har altyd muoid, dat hja gjin bruorren hie en echt net allinne fanwegen dat studintefeest. Der wiene oars ommers ek noch wol jongfeinten, dy't út Nes wei op stúdzje nei Grins gien wiene. Ien fan har wie Durk Hartmans, de soan fan in grutte boer dy't destiids de pleats bebuorke fuort foar harren pastorij oer.
Hartmans en de frou en har âlden kamen wol geregeld byinoar te jûnpraten en der wie har ek withoefaak ferteld, hoe't dy Durk as lytse poppe nochris by har yn 'e widze sliept hie, omdat er ûnder it kofjedrinken nei de tsjinst dêr't Heit him yn doopt hie, sa alderoatmoedichst skriemde, dat syn âlden rein ferlegen mei him wurden wiene.
| |
| |
Doe't dyselde âlde nane letter wer oer de flier kaam, mei't hjasels har earste ferwachte, hie Mem dat ferhaal foar de safolste kear nochris wer opikkere.
Ja, Durk en Sjoukje wiene op it doarp altyd sa'n bytsje as in spantsje beskôge. Omtrint like âld wiene se de bernejierren troch trou alle dagen tegearre nei skoalle ta rûn en op 'e weromreis hie it feintsje syn famke dan steefêst moai by it hantsje beet.
‘Witst dat noch wol, Sjoukje?’
‘Jawis, Mem.’
‘En doe't jimme heit him doopt hie...’
‘Mar it is nea wat wurden tusken Durk en my, Mem.’
Wat hie se, doe't hja noch lyts wie, altyd graach by Hartmans en dy op 'e pleats boartsje mocht! Winterdeis wie se wol bang foar dy hiele rigele frettende, stinnende en skitende kij, dêr't hja - troch it skimertsjustere bûthús hinne - dan efterlâns skarrelje moast nei it húske ta. En hja wie ek alle kearen wer kjel wurden fan it hynder, as dat - by it hearren fan minsken yn it efterhûs - op syn stâl yn de skuorre ynienen begûn te wrinzgjen en mei de poat by it sket lâns skrabe. By 't maitiid lykwols wie der gjin moaier boartersplak as dyselde boereskuorre, dêr't dan de sweltsjes drok út en yn fleagen. Gauris hie der dan in kealtsje stien te longerjen yn in mei pakjes strie ôfsketten hoekje. It mocht fan Mem dy't soks mar fiis fûn eins net, mar wat fielde it lekker, as jo sa'n dierke op jins fingers sobje lieten en it jin dêrby oanseach mei fan dy grutte donkerblauwe eagen. Of it bûthús, as dêr - nei it kij-útlitten en it maitiidshimmeljen - foar Durk en har romte by it soad wie om in eigen hûs yn te rjochtsjen mei in pear stoven as stuollen en in jirpelkistke ta kast. Dêr hiene se dan al har skatten yn bewarre: in ljocht blau-griene dop fan in protteraaike dat Durk ûnder in beam fûn hie, in bûnte fear fan in houtakster, in suver rûn, swart saaistientsje, in núnder dêr't hja de see yn rûzjen hearre koene.
Yn in âld boadskiptas tôge se har poppeservys fan de oare kant mei dêrhinne en as Durk syn mem dan in goed sin hie, dan kaam de boerinne middeis by harren op 'e boartersstâl te teedrinken mei flikjes en koekjes dy't fan in sneinske besite oerbleaun wiene.
Hartmans sels of de feint makke fan in ein tou en in plankje op in oare stâl in touter oan de balke boppe de groppe. En dan gie it oan:
| |
| |
Durk treau har op, heger en heger, krekt salang oant hja mei de hakken fan de learskes de bûthúsmuorre reitsje koe. Dan moast se útskommelje en wie it syn bar.
Simmerdeis krûpten hja ferside yn it farske hea en as Durk dêr dan in nêst jonge katten yn ûntduts, dan hâlden se dat stil foar de grutte minsken, mar hja reizgen der sels wol algeduerigen hinne om te sjen, oft de lytskes de eachjes al iepen hiene. Och, wat wie dat leaf guod, sokke jonge poeskes! It hie har alle kearen wer begrutte as se op it lêst dochs noch fuort moasten en de memmepoes noch dagenlang ûnwennich miaukjend om de bistkes socht.
Letter wie Durk nei de h.b.s. yn de stêd gien en hja wie foar in jiermannich nei de Dag- en Kostschool voor jonge Dames yn Dokkum ta rekke. Doe't har heit mei emeritaat koe, wiene se út Fryslân wei ferfearn nei de Feluwe ta. Durk wie doe al studint. Hja hiene elkoar wol yn in jier of trije net sjoen, mar it briefkjen hiene se trou folhâlden en doe't Durk yn de maitiid fan 1885 mei syn útnoeging foar it Grinzer bal kaam, doe hie se dêr stikem ek al wol wat hope op hân. It lei ommers yn de reden dat er har in kear freegje soe.
Heit en Mem hiene yn it minst gjin beswier. Hja krige in prachtige, donkerreade baljapon en Mem regele mei har suster, dat hja in wykmannich útfanhûs komme koe. Muoike Hinke hie har en har susters sa faak al útnoege. Dit wie in skoandere gelegenheid!
| |
3.
Fol ferwachting wie se op reis gien, mar wylst hja al yn de stêd wie, krige se in brief, dêr't Durk har yn skreau, dat er der tsjinoan soarge en dat it mar oergean moast.
Dy nacht hie se hiel aaklik dreamd: hja wie yn in folslein ferlitten oarde. Donkere wolken hongen leech boppe in ûnúteachbere, keale flakte. De atmosfear wie benearjend, it ljocht griis.
Wylst hja dêr sa ferlern op de romte stie, klonken efter de seedyk wei ynienen skelle jongesstimmen op, narjend en driigjend: ‘Skrale mich! Skra-le mi-ich!’
Hja treau de hannen stiif tsjin 'e earen, mar koe it lûd net keare.
‘Mi-ich, skrale mich, Sjoukje is in skrale mich!’
| |
| |
It lûd boaze oan. De pleachbonken kamen de dyk oer. Metersheech stiene se ôftekene tsjin de loft.
Hja woe útnaaie, mar de fuotten wiene har fêstsûge yn klaai en dridze. Hja wâden finaal oer har hinne.
Doe feroare it ljocht. Der struts in mylde glâns oer it lânskip. Hja skarrele oerein en begûn yn de rjochting fan it doarp te rinnen. Ynienen wiene der wer stimmen om har hinne. ‘Spoek, spoe-oek!’
Earst yn 'e fierte en dêrnei nochris - tichterby - hiel heech en aaklik: ‘Spoek, spoe-oek!’
Hja seach by de klean del: in wite skelk, dy't oer de grûn slierde en noch wol hyltyd langer like te wurden: in breidssleep, dêr't gjin ein oan kaam.
‘Hoei, hoei, spoeken, sjammen, dûmnys fammen binne sjammen!’ It njoere lûd fluite troch de loft en as in kloft wylde bisten kamen der wol in stik of sân keardels oerstjoer op har tastowen. Ut alle macht besocht se fuort te draven, mar hja stroffele oer de rok fan har baljurk.
‘Durk,’ rôp se, ‘Durk, help!’
De wurden krigen gjin klank. Hoe't hja ek skreaude, se bleauwen har yn 'e kiel stykjen.
Dêr wiene se al hast oan har ta: meunsters, mei gleone koppen en útstutsen kloeren. ‘Spoe-oek, Sjoukje spoe-oek!’
En doe, doe rûnen se samar, dwers troch har hinne... Grizelich skerp miste se de pine en it stompen, dêr't hja har tsjin te skoar sette soe. O, God, hja wie neat! In skym! Hja kniep harsels yn 'e earm. Wie se dea?
Doe kaam er ynienen dochs noch oansetten: Durk, de golle boartersmaat fan alearen. Ferromme hearde se syn klompen kloskjen oer de buorren. No wie se net mear allinne.
Mar wat hie er yn 'e hân? Wat wyts, it like wol in stik papier. Gril blikkere it yn it sinneljocht, dat ynienen yn pylken troch de wolken briek. Durk hold it briefke omheech en hy lake sa spotsk! ‘Dûmnys-Sjouk-je is in Juf-fer,’ lies se. In Juffer? Wat woe er dêrmei sizze? Hja waard bang fan sa'n Durk.
Hy helle in grouwe spjelde út 'e bûse. Yn in flits begriep se, wat er woe. Hja fielde de prip al. Mar dat soe se net gewurde litte! Dat net! Noait!
‘Heit!’ rôp se wanhopich, ‘Heit! Heit!’
| |
| |
Mar hy griep har mei hurde hannen beet en besocht har de rok oer de holle te slaan. Hja focht om los te kommen en skopte wyld om har hinne. Durk truzele efteroer yn in puozze. It wetter spatte omheech. Hja fielde de drippen op har gesicht. Hja foel sels ek.
Mei in skok wie se wekker wurden. Wêr wie se? Ferheard seach se om har hinne. Njonken har skynde in ljochtsje. Fierder yn 'e keamer op stie in kast mei in grutte spegel.
O ja, hja wie ommers útfanhûs, yn Grins. Dat wie Muoike Hinke dy't har om 'e holle strutsen hie mei in wiet waskmofke. Hja stie der noch mei yn 'e hannen.
‘Sjoukje, Sjoukje wurd ris wekker!’ sei Muoike. ‘Is der wat, famke? Hast soms raar dreamd? Wy hearden sokke nuvere gjalpen en sjoch ris hoest' der by leiste! Alle tek hast fan dy ôfwrotten.’ Hja treau de holle stiif tsjin Muoike oan.
‘Wat wie der oan, berntsje? Omke sei al, ik mocht wolris even by dy sjen.’ Hja gie op de râne fan it bêd sitten en sloech in earm om har hinne. ‘Kin ik wat foar dy dwaan, Sjoukje, wolst ek wat hawwe?’
Mei de helderwite katoenen nachtmûtse op en in fest oer de skouders hie Muoike der sa leaf en beppe-eftich útsjoen, dat hja har op dat stuit wol graach alles fertelle woe. ‘O, Muoike, ik dreamde sa raar! Ik wie bang en letter... ik skamme my sa. Durk wie der ek en dy woe, dy soe...’
‘Stil mar, famke, no mar net mear oan tinke!’
‘Hat Muoike in bytsje wetter? Ik haw sa'n toarst.’
Tige lyts hie se har field yn dat âlderwetske útfanhuzersbêd. Hja luts de knibbels oan it kin ta op en tearde de nachtpon stiif om har fuotten hinne. It glês wetter dat Muoike helle hie, dronk se yn ien swolch leech.
‘Wat aaklik allegear, Sjoukje! Mar, it wie gelokkich mar in dream, ju. Jou dy no mar wer del, do bist krekt in skou fûgeltsje sa rûngear ast dêr sitst.’
Muoike streake har oer de rêch. ‘Kom, famke, prakkesearje der no mar net mear oer. Hè ju, hè, wat in opskuor midden yn 'e nacht! It komt grif fan dat brief dat Durk dy hjoed stjoerd hat. Syn ôfskriuwer wynt dy noch raar yn 'e holle om.’
Muoike rûn by har wei. ‘Sa, sjochst wol, Sjoukje, ik sko de bleaker sa fier mooglik nei efteren op it nachtkastke, dan kin der neat barre
| |
| |
en hast dochs in nachtljochtsje, dan liket alles aanst net mear sa ûnwennich. Ik gean no ek wer op bêd, hear, ik wurd huverich, aanst Omke mar even oankrûpe. No, nacht berntsje!’
Noch in tút op 'e foarholle en doe hie Muoike har wer ôfjûn. Hja hearde de toffels slykjen oer de gong; der waard in doar iepen en ticht dien, Omke grommele wat, it bêd kreake, noch wat gelúster, doe wie it wer stil.
Hja skeukte de fuotten teplak ûnder de tekkens en nustele om wer in waarm hoaltsje te finen. Ynienen moast se oan it grutte bêd fan Heit en Mem tinke. Doe't hja noch lyts wie, hie se oer alles, dat har beneare altyd mei Heit prate kinnen. Grif noch wol, mar it wie al lang lyn, dat hja nachts nei in bange dream, stikem tusken har âlden yn krûpt wie.
Soe se Heit no dat fan Durk wol fertelle wolle? Fan dy swarte spjelde en de pine dy't har as in flym troch it liif sketten wie? Of dat Omke har lêsten sa apart oansjoen hie? It wie krekt, of wiene dat dingen, dêr't hja him mar leaver bûten hâlde woe.
Soe Durk in oare faam... Och, wat koe it har ek skele?
Durk hie skreaun, dat er har sa feroare fûn, in echte ‘Juffer’ wurden. Hja soe har grif sjenearje as se mei sa'n boerejonge as him op it feest wie. En sels woe er leaver oan har tinken bliuwe, sa't er har eartiids yn Nes kend hie, gewoan as ‘dûmnys Sjoukje’. Hoe kaam er dêr no by? Hja wie dochs neat feroare sûnt hja ferhuze wiene? Sa bliid mei syn útnoeging en no... Hè! Wat bemaalde se ek middenyn de nacht!
Nidich draaide se har op 'e oare side. Hja begriep der neat fan. Jonges diene altyd sa... Wachtsje ris, moarn koe se Clara van Loon wolris in brief skriuwe en har freegje, oft hja... Har freondinne hie wol in stik of trije bruorren, Jan en Willem en kom, hoe hiet dy tredde no ek mar wer? Jan studearre ek yn Grins, miskien soe hy...
It flamke fan de kears flikkere yn de spegel fan de kaptafel. Dêre oan de kast hong de moaie jûpe dy't se foar it studintebal krige hie. Muoike hie him noch opstrutsen, omdat er sa raar knûkerich út de koffer kommen wie. Hja hie him doe perfoarst even oanlûke moatten fan Omke. Hy moast him dochs beknipe, hie er sein, dat hearde sa by nije klean.
‘Bernegedoch,’ hie se tocht, mar hja hie him dochs syn sin mar jûn
| |
| |
en wat hie Omke beard, doe't hja ûnder kommen wie: ‘Sjoukje, Sjoukje, Pop, wat sjochst der prachtich út! “La reine du bal” silst wêze, dat kin ik dy no al wol sizze. Bliuw ris stean! Ik moat dy even hielendal bewûnderje. Prachtich, prachtich, hear! En no ris stadich yn 'e rûnte draaie! Sa, moai sa, noch mar ris!’
Hja hie har op 'e hakken om en om draaid en ûnderwilens mei tomme en wiisfinger de rok beetkrige, sadat dy sierlik wiidút stie.
‘Tsjonge noch ta! In echte dame biste! Ik haw nea witten, dat ik sa'n kreaze omkesizzer hie.’
Wat hja fan dy komplimintsjes tinke moast, hie se net rjocht witten, mar dochs hie Omke syn bewûndering har bliid makke. Mei in ekstra elegante swaai wie se foar him del dûnse. Even hie er in hân op har bleate earm lein. Doe wie er hastich oerein kommen om mei in bûging de doar foar har iepen te hâlden: ‘Mademoiselle!’
Omke hie nei har sjoen mei in blik, as hie er wat hiel nijs oan har ûntdutsen. Hja wie dêr ferlegen fan wurden en hie har ynienen skamme om har neakene hals yn dat keale middeisljocht.
Op 'e treppen wie se hast stroffele en hie se har hastich beetgripe moatten om net nei ûnderen ta te rûtsen. Dat kaam der no fan, fûtere se yn harsels. En mei de feestjurk hie se resolút de opwining om Omke syn flaaikjende eagen oer it stokje hongen.
‘Dweepster!’ hie se yn de spegel sein tsjin it famke mei de skittereagen en hja hie in lange noas tsjin har makke: ‘Hoechst dy neat te ferbyldzjen, skrale mich, flau praat fan in âldman.’
Yn it skynsel fan 'e kears seach hja no de baljapon wer hingjen. De peareltsjes om de djip útsniene hals fûnkelen en de siden Stoffe fan it lyfke glânzge. As hja yn de spegel mikere, like it suver of dûnse de rok in bytsje.
Hja fielde triennen prykjen. Har earste bal! Se hie har der sa op fergappe! Durk soe grutsk op har wêze en mei har dûnsje ta de nacht út...
Mei de rêch fan de hân wreau se har stiif yn de eagen. ‘Stel dy net sa oan, Sjoukje!’ It wie as hearde se it har freondinne sizzen. Wol tûzen kearen hie Clara dat tsjin har sein: ‘Stel dy dochs net altyd sa oan, bern, doch no ris gewoan!’
Likegoed wie it krekt of dûnse dy jurk yn it kearsljocht...
As hja de holle ferweegde, wevele de tinne Stoffe fan de rok hinne
| |
| |
en wer, fan lofts nei rjochts... lofts... rjochts... Hja sweve! Hja sweve hinne en wer oer de glêde flier. Foarsichtich lei se de holle tsjin de swartsiden revers oan fan de man dy't mei har oan it walsen wie, hja fielde syn earm om har mul. Justjes tichter treau er har tsjin him oan by it yn 'e rûnte gean. Ien twa stap, ien twa draai...
Hja huvere en luts de tekkens fêster om 'e skouders. Omke mar even oankrûpe... Omke...?
Hja waard kjel fan harsels en draaide har rimpen wer op 'e oare side. En no sliepe, Sjoukje! Hja bloes de kears út en kniep de eagen sa stiif ticht, dat it har grimele.
| |
4.
Doe't hja de oare moarns wekker waard, wie it earste dat se hearde it drippen fan reinwetter yn 'e goate.
Bah, as it min waar wie, soe Muoike der grif gjin nocht oan hawwe om út te gean. Hja soene oars noch in kear nei it Paterswoldse Meer ta en dan soe Omke ek in middei mei te farren.
Dy hiele útfanhuzerij wie har ynienen glêd oer. Hja liet har fan it bêd ôf gliidzje en seach tusken de kleden troch nei bûten. Ja hear, krekt wat se al tocht hie: aldersuterichst skier waar!
Op 'e dyk wie it stil. In âlde man yn in skurve jekker skode in hânkarre tsjin de brêge op. In frou op 'e stoepe stapte hiel hoeden om de reindobben hinne. Om it lykwicht te hâlden wjukkele se mei de hannen. It like wol in flearmûs yn har brune reinkeep. In eintsje fierderop snúfde in hûntsje by de slachterswinkel om; it hier plakte him triedderich op it skarminkelige bealchje. Ynienen stie er stil en skodde it wetter fan him ôf; it spatte witwêrsanne.
Hja riek har út. Wat moast se hjir no yn 'e frede fierder útfine hjoed? En moarn? En de deis fan it feest?
Hja liet it gerdyn falle en wie yn 'e wille en krûp mar wer op bêd, mar, hark, ‘de olde grieze’ sloech krekt. Sân, acht, njoggen oere al, hja moast har mar oanklaaie.
‘It is gjin waar om wat te ûndernimmen,’ ornearre Muoike, doe't hja ûnder kaam, ‘ik hie oars hjoed wolris gesellich mei dy te winkeljen wollen, mar, hawar, wy moatte moarn mar ris wer sjen, fynst ek net,
| |
| |
Sjoukje? Do bliuwst gelokkich noch in hiel skoft.’
Hja knikte mar wat. Muoike hie gelyk.
Doe't hja har brochje behimmele hie, sei se, dat hja graach in brief oan har freondinne skriuwe woe. Hie Muoike faaks papier en in pinne te brûken?
Dy Clara wie no al wer in skoft learares yn Arnhim, fertelde se. Hja hie fêste ferkearing mei in studint, in Fryske jonge, ien fan Koudum, dy't hja troch har broer dy't hjir yn Grins studearre, kennen leard hie. It foarige jiers hie hjà nei it maitiidsbal fan Vindicat west, mei dy Lykle de Jong. Doe wie it oanrekke.
Muoike hie har meilydsum oansjoen en hastich it skriuwark út de kast krige. ‘Praat dy mar ris lekker út tsjin dyn freondinne, Sjoukje, dat sil dy goed dwaan.’
Hja dipte de pinne yn de inket en begûn: Grins, dizze fjirde fan 'e foarjiersmoanne 1885. Dêrnei siet se in hiel set te prakkesearjen. Hoe koe se no it bêste by Clara oankomme mei har ferhaal? Se begriep it net en fielde har ek wol wat tekoartdien en misledige. Eins wie se gewoan lilk. As dy Durk Hartmans it weage en kom har nochris ûnder de eagen, dan...
Hja woe wol, dat hja him mar net tsjin it liif rûn wiene, earjuster yn de Stjerrebosk. Durk hie har doe wol sa ferbjustere oansjoen en o, wat hie er skruten west! Hy stie mar te draaien mei syn swarte bolhoed yn 'e hannen en earst doarst er har suver net iens oan te sprekken. Hja hie him oan Muoike foarsteld en dy frege, oft er net even gesellich mei harren mei nei hûs ta woe te teedrinken, mar dat hie er fansels net heal doarst. Hy stammere der sa'n bytsje yn om, dat er it net oan tiid hie, makke in heal mislearre bûging en wie doe, wakker hoekich en hastich útnaaid.
Letter hie Muoike har noch pleage mei sa'n knoffelige kavalier. It soe wis wol in bêste jonge wêze, tocht har, mar in flotte studint hie hja har dochs altyd hiel oars foarsteld!
De jûns hiene se der ek wer wille om hân, doe't Muoike it ferhaal oan Omke die en it fansels noch helte slimmer foarstelde, as it dochs al west hie. De moarns dêrnei hie se doe dy brief krige.
No lizze al myn dreamen oan diggels, Clara, skreau se. In oare feint as Durk haw ik noch nea hân en stikem hie ik der dochs wol in bytsje op hope, dat wy ek ferkearing krije soene op it studintebal...
| |
| |
Doe't hja ienkear op gleed wie, rûgelen de wurden har samar út de pinne. Al har gefoelens fan ûnmacht en teloarstelling hie se utere. It wie wol in brief fan sân kantsjes wurden. De hiele moarn wie der mei hinnegien.
| |
5.
‘En, fertel ris, hoe foldocht it jimme heit en mem no yn Gelderlân, Sjoukje?’
Foar de safolste kear siet se mei Muoike Hinke te kofjedrinken yn 'e erker fan dat kreaze hûs yn dy stille Grinzer strjitte. It waar wie dei út, dei yn sa striemin, dat se der net op út koene. Foar har gefoel kroep de tiid foarby; noch stadiger as thús. De post wie it iennichste, dêr't hja - stikem om net ûnbeleefd te lykjen - yn it ferklikkerke nei útseach, moarns en middeis, alle kearen, dat hja dêr wer stiif en ûngemaklik mei Muoike sitten hie te klasjenearjen. Clara soe dochs grif gau werom skriuwe...
‘Fynt Heit it net stil, no't er net mear preekje hoecht? Hy is fêst wol wat ûnwennich fan syn gemeente, net, Sjoukje? En de minsken ek fan him. Dat kinst begripe, sa'n dûmny krije se nea wer yn Nes, ien, dy't yn alles sa meilibbet.’
It fleach har oan, hyltyd wer dy nijsgjirrige fragen fan Muoike! Dochs prate se mar leaf mei. It minske miende it goed, mar wie dit har foarlân? De godgânske dei kofje- en teedrinke en wat nuet sitte te petearjen oer de famylje?
‘Ja, Muoike, fansels al. Goed, Heit. Nee, Mem, ik sil der tenei om tinke.’ Krammele noch ta! Hja soe no oereinspringe wolle, de doar tichtslaan en in ein yn 'e wyn op drave om de rein op har wangen te fielen! Lykwols antwurde se mar wer like froed as altyd: ‘Och, wy meie hiel wol yn Brummen wenje, hear Muoike en it is no fansels folle rêstiger yn 'e hûs. Gjin spanning mear om de preek dy't ôf moat, de tsjerkerie dy't op besite komt, minsken mei problemen oan 'e doar... Heit hie it net altyd like maklik yn Nes, dat moat Muoike net tinke. De lju fûnen him gauris te licht mei syn “Niet de leer, maar de Heer” en de gemeente is noch altyd fakant. Dy Nessumer boeren binne behâldend en de fiskers fan Peazens en it Moddergat sa mooglik noch in graadsje slimmer. Dat Heit sa kri- | |
| |
tysk wie en net alles wat yn 'e Bibel stiet, wurdlik leauwe koe, joech geregeldwei striid. It gie safier, dat doe't Willem Reilingh fan Mitsei wier, Muoike wit wol, dy't no mei ús Rens troud is, doe't dy út 'e tsjerke stapte, doe joech Heit him yn syn hert grut gelyk, wol ik leauwe en as er jonger west hie, no, dan hie er faaks itselde wol dien.’
‘Nee wol, bern, tochtst dat? Wier? Dat mienst net! Dat wol my út noch yn net oan fan jimme heit.’
Muoike begûn der suver in bytsje fan te hymjen.
‘Dat wie my doe wat, mei dy Reilingh! In dûmny dy't it net lykfine koe mei syn gemeente en dêrom de tsjerke farwol sei. Wa hie ea soks bestien? Doe is er noch mei in stúdzje yn 'e rjochten begûn, no Sjoukje? Men soe dochs sizze... Sa'n man hie al sa'n soad studearre. En dûmny, dat is gjin baantsje dat jo samar opsizze kinne, dat heart in ropping te wêzen!’ Hja dreau mei geweld in spjelde yn de seam dy't hja krekt stikke soe. ‘Is er doe letter net learaar wurden, yn Wageningen?’
‘Ja, Muoike. Dêrom woene Heit en Mem fansels dy kant ek wol út, doe't Heit mei emeritaat koe. Hja sjogge de lêste tiid nammers út nei in hûs, dat noch wat tichterby Willem-en-dy is.’
Hja hie mar hastich besocht om wat in feiliger ûnderwerp te finen. Muoike wie frijwat prinsipieel yn saken fan tsjerke en leauwe. ‘Hja wolle graach yn de buert fan de bern wenje en by it bernsbern, fansels, begrypt Muoike wol? Heit en Mem binne tige wiis mei Rensia har lytse Durk.’
Au! Durk! Ynienen stie Durk Hartmans wer libbensgrut f oar har. Hja moast harsels twinge om fierder te bordueren oan it kyltsje, dat hja foar Rensia har jonkje oan it benaaien wie.
Muoike fernaam it gelokkich net. Dy hie alwer in oar by de kop.
‘En jimme Jetske, Sjoukje, hat dy no noait ris wat oan it hantsje? Hoe âld is dy no al wol net?’
‘Us Jette wurdt, ris even tinke, dy wurdt fan it simmer 37. Ik leau net, dat dy noch trouwe sil. Hja hat it yn 'e holle en begjin yn De Haach in pensjon. Hiene jimme dêr al wat fan heard? Dan hat se dochs in selsstannich bestean, seit se. Flink no? Jette kin in soad, hear. Fan 't winter hat se in boekje skreaun foar lytse bern, no ja winliken hat se it oerset. Dat leit no by in útjouwer yn Hollân, dy woe it wolris besjen, hat er har skreaun.’
| |
| |
‘Tsjonge noch ta, by in útjouwer yn Hollân alhiel. Wa wit krije wy sa nochris in skriuwster yn de famylje.’
‘Sjoch, Muoike, soks like my ek wol moai ta: teltsjes skriuwe. Ik krige ek altyd moaie sifers op myn opstellen. Ja, wier hear, en dûmny Scheltema fan de kostskoalle, wit Muoike wol, no dy fûn ek, dat ik knap fertelle koe en doe't ik alle fjouwer klassen troch wie en wer nei hûs ta gean soe, doe hat er sels tsjin my sein, dat ik trochsette moast mei skriuwen, omdat ik talint hie.’
Hja fielde, dat se in kaam krige hie ûnder it praten; sok opsprekken wie alhiel har aard net. Gau bûgde se har mar wer oer it wurk. Oe, godskes, no hie se it ek noch ferkeard dien! Nidich krige se de skjirre fan tafel en knipte in stikmannich krúskes stikken. Bryk hynderke soe dat wurde!
‘Wit Muoike, wat ik wolris tink?’
‘No, bern?’
Sûnder opsjen te doaren hie se it sein: ‘Dat ik eins folle better mar in jonge wêze kinnen hie. Heit en Mem hiene grif op in soan rekkene nei fjouwer famkes en dan hie ik miskien ek wol trochleare mocht om dokter te wurden, lykas Clara har feint.’
‘Wat seist no, bern, woesto dokter wurde?’
Hja hie fûleindich knikt. ‘Ja, Muoike, echt!’
Al sa faak hie se harsels yn har deidreamen soarchsum rûngean sjoen op in grutte sikeseal. De pasjinten seagen bliid nei har op, as dokter Bokma der yn kaam yn de wite jas. Hjir makke se in praatsje en by in oar bêd lei se in koele hân op in koartsige holle... ‘Sa'n pine, dokter!’, ‘Stil mar, ik sil jo wat jaan.’
Wrantelich luts se de skouders op: ‘Och wat... nee, dat soe dochs neat wurde kinne, Muoike, dêr moatte jo sûn en sterk foar wêze.’
‘Do bist goed, sasto biste, famke, en dyn âlden binne wiis mei dy, dêr bin ik wis fan! Dokter wurde, seit se, wat hellest dy yn 'e holle, bern? Ik moat der net oan tinke, datsto altyd mei sike minsken ompakke moatte soest. Dêr bisto ommers fierstente gefoelich foar.’ It stikje klean foar lytse Durk lei ferfrommele yn har skurte. Moedeleas krige se it wer op. Wêr yn 'e frede siet se no yn dat stomme telpatroantsje? Earne by in efterpoat.
‘Hoe giet it oars mei jimme mem de lêste tiid, Sjoukje, fan pasjinten praat?’
‘Och, dat skeelt alles net, Muoike.’
| |
| |
Hja hearde harsels al wer braaf jeuzeljen. Soe men der net mislik fan wurde? Koe se mar fuort... Utnaaie op dat wylde hynder! As hja noris gûvernante wurde soe by rike minsken? Earne yn it bûtenlân? Op in kastiel, by bern dy't wiis mei har wiene. En as de mem dan siik waard...
‘Hja hat fansels ek al in protte meimakke, Sjoukje.’
Oer wa hie Muoike it no wer? No wie se fannijs de trie bjuster troch har fantasearjen.
‘Twa bern hat hja ferlern. It slimste, dat in mem oerkomme kin. Ien wie noch mar in popke, mar de oare al in famke fan 16 jier. Dat witsto grif ek noch wol, doe wiest sels al in jier of tsien, Sjoukje, doe't jimme twadde Katrine stoarn is.’
‘Ja, Muoike,’ - hja wie der wer by - ‘wat wie it doe aaklik thús. Mem siik en Heit sa fertrietlik en stil. Miskien haw ik doe wol it idee skipe, dat ik dokter wurde woe.’
‘Witst wol, dat dy Katrine, lykas it berntsje dat earder al stoarn wie, neamd wie nei jimme heit syn suster? Catharina Gerardina Bokma de Boer? Dy hat yn Foudgum, yn syn earste gemeente, de húshâlding foar him dien, doe't jimme heit en mem noch net troud wiene. En do bist neamd nei in muoike fan ús kant, Sjoukje Maria Diederika Klaasesz. Hja wie troud mei dyn omke Van Kuyk dy't foargonger west hat by de menisten op 'e Smilde. Och, och, dat wie doe ek wol sa slim: der wie al in berntsje en yn har twadde kream is ús Sjoukje doe stoarn. Fiifentweintich wie se doe noch mar.’
Muoike fage mei de hân oer de eagen. ‘In jier letter rekke ús heit wei, hy hat nea de âlde wer west. Van Kuyk is wer troud; wat moast er oars ek al mei sokke lytse bern? Do hast hìm grif noch wol kend, net Sjoukje? Hy stie doe yn Easternijtsjerk. No is hy ek al wer in jier of wat wei.’
Goaien, hie se tocht, fiifentweintich jier hie Muoike Sjoukje dus noch mar west, like âld as hjasels no wie. Mar hja hie doe dus al troud west en al bern hân. Hè, se woe wol, dat Muoike mar oer wat oars begûn wie. Al dy famyljehistoarjes, al dy stjergefallen, al dy dûmnys, jo soene der mankelyk fan wurde en hja fielde har al sa fertrietlik! Heit wie ien fan njoggen bern en Mem hie tsien broers en susters hân! Sokke grutte húshâldingen, dan wie der altyd wolris wat.
| |
| |
Doe't hja noch lyts wie, hie se in bytsje bang west fan Muoike Sjoukje har portret, dat by memme stoel op in taffeltsje stie. Omdat hja har nammen krige hie, miende se wat oan dy deade muoike goedmeitsje te moatten. It wie krekt as seach hja har beskuldigjend efternei, ek as se gewoan troch de keamer rûn. Doe't hja dat ris sein hie, hie Mem har in bytsje útlake, mar lykwols it portret yn har album burgen. As hja wer thús wie, soe se freegje, oft se it nochris sjen mocht. Fiifentweintich, âlder koe Muoike dus op dy foto net west hawwe. Wat har as strangens beneare hie, koe wol de útdrukking fan lijen en fertriet west hawwe. Faaks hie se it wol oanfield, dat it mei dat twadde berntsje net ynoarder wie.
Muoike Hinke hie ûnderwilens har naaiguod opteard en de kofjekopkes yninoar set. ‘Kom, ik moat nei de koken ta, ik sit myn tiid hjir te ferpraten. Neel moat nedich mei it iten oan 'e gong! It is ek sa gesellich. Moatst foaral gauris wer komme, hear Sjoukje, ik hâld fan jonge minsken om my hinne.’
Spitich eins, dat dizze muoike gjin bern hie, tocht se, doe't hja allinne yn 'e keamer efterbleaun wie. Omke Ale soe grif in leave heit west hawwe. Muoike Hinke waard op slach minder swiersettich as Omke thús kaam. Hy pleage har wolris, mar altyd op in guodlike manier en dan moast er it letter wer goedmeitsje mei in tút.
Heit en Mem wiene ek wiis mei-inoar, dat koene jo oan alles fernimme, mar dy diene dochs hiel oars. As har âlden elkoar oanhelje soene, dêr't hja by wie, dêr soe se har om skamje. Heit wie mear as 10 jier âlder as Mem. It oare jier waard er al 70...Hja woe sels leaver in man fan har eigen jierren hawwe en dan ien, dy't altyd fleurich wie - lykas Omke Ale - en like romantysk. En kreas fansels, mar dochs ek wer sa myld, evenredich en wiis as Heit... Soe sa'n man wol bestean? En soe er har dan hawwe wolle? God, wat soe se graach troud wêze wolle en har eigen húshâlding bestjoere! Hja krige skjin har nocht fan dit stadige bestean.
| |
6.
De oare moarns wie se der tusken twa buien troch even út rûn om in frisse noas te heljen. Mismoedich, mar ek wol in krom nijsgjirrich,
| |
| |
kuiere se by it Akademygebou lâns en fierder, de singels del nei de Harmonie ta. Dêre, yn dy deftige skouboarch soe dus mei in pear dagen it studintebal wêze.
Hja seach timmerlju drok dwaande mei seagen en planken. Grif al foar de oanklaaiïng fan de feestseale. Der rûnen jongfeinten nei binnen ta mei fioelkoffers en mei blaasynstruminten; dy soene noch wol repetearje moatte. It wie as hearde se de muzyk al.
Wrantelich hie se har omdraaid en mei opsetsin wâde se troch in djippe puozze hinne: rottige Durk! rottich feest! rottige rotstêd! Heit mocht om har deselde deis noch wol komme om har mar wer op te heljen.
Mar doe't se thúskommen wie, hie Muoike sein, dat hja in ferrassing foar har hie. Der hie in tige beleefd jongminske oan 'e doar west en dy hie frege oft er goed ynljochte wie, dat der by Mefrou-en-dy in jongfaam útfanhuze fan Frysk komôf, dy't der miskien wol nocht oan hawwe soe om mei him nei it bal fan ‘Vindicat atque Polit’ ta te gean. As dat sa wie, dan soe er it tige op priis stelle as Mefrou de útnoeging dy't er al by foarrie op skrift steld hie, oan har útfanhuzer oerlangje wolle soe mei syn kompliminten.
It wie har folslein oer it mad kommen. Dit hearde as soe der wat spannends barre. Beskamme seach se nei har beslingere learskes.
Op slach fielde se har wer folle fleuriger en och sa benijd frege se: ‘Wa wie dat dan, Muoike? Hat Muoike dy brief krige?’
‘Jawis, hy leit op de skoarstienmantel en út soarte meist him aanst lêze, Sjoukje, mar lit my earst even fierder fertelle!
Ik haw dy jongeman yn 'e hûs noege, want ik woe fansels al even mei him prate oer syn ûnferwachte besite, dat kinst dy yntinke.’ Muoike lake gol, wylst hja op in eptige toan fierder fertelde.
‘Hy wie my yndie wol in ferklearring skuldich, sei er. Syn manear fan dwaan wie net alhiel “comme il faut”, mar de omstannichheden hiene makke, dat er net oars koe. De jongfaam dy't er frege hie as syn sydsulver, moast ik witte, dat fanke koe hommels net nei Grins ta komme, omdat har beppe krekt ferstoarn wie en om no allinne nei sa'n bal ta, dêr hie er gjin nocht oan. Syn maten fan de almanakredaksje kamen ek allegearre mei in dame. En no hie er fan syn eardere patroan yn it Corps heard, dat ús útfanhuzer miskien wol mei him te dûnsjen wolle soe... Sa sawat makke er it.’
| |
| |
‘Ik begryp der neat fan, Muoike. Koe dy studint my dan? Hoe kin dat no?’
‘Moatst noch even wachtsje mei dyn fragen, bern, ik sil dy alles útlizze, mar gean earst ris even sitten, dan jit ik dy in bakje kofje yn. Sjoch, wolst der ek in stikje koeke by hawwe - “echte Grunneger kouke”’
Hastich die se in taast nei de skaal dy't Muoike har noegjend foarhold. Har hert bûnze fan op wining - avensearre Muoike no mar!
‘Dat is lekkere koeke, hèn Sjoukje, fynst ek net? Dy keapje ik altyd by dy bakker foaroan yn de Heerestraat. As it fan 'e middei wat opklearret, koene wy dy kant wolris even útrinne, dan helje ik noch ien op.’
‘Ja, Muoike, hearlik, mar wa wie dy studint no?’
‘O, ja, dat soe ik dy fertelle, wolno, hy neamde de namme fan Jan van Loon. Dat is dochs in broer fan dyn kammeraatske? Fan dy Clara? Dy skriuwt har dochs ek Van Loon?’
Hja knikte ûngeduldich.
‘Ja, hy hie it oer dy Van Loon en doe skeat it him grif yn it sin, dat er himsels noch net iens foarsteld hie, want doe sei er ynienen: “O, tûzen kear ferjeffenis, mefrou,” sei er, “wat bin ik dochs seldsume ûnbeleefd, myn namme is Piter Troelstra.”’
En doe hie er Muoike ferteld, dat er kandidaat yn de rjochten wie en dat syn heit te Ljouwert wenne. En noch folle mear. Dat er fan syn maat heard hie, dat Muoike in suster wie fan Jan Klaasesz en fan Jilles Klaasesz fansels en dat er der wis fan wie, dat dy syn heit wol koene, omdat dy sels ek yn de Steaten fan Fryslân siet. Dat syn heit lid fan it Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse wie lykas dy Van Loon syn heit en de omkes. Hysels dichte nammers ek. Mefrou hie faaks wolris wat fan him lêzen yn De oude Huisvriend fan Jan Goeverneur? As dichter neamde er him almeast Piter Jelles.
Muoike fertelde it sa libben, dat hja it tafrieltsje alhiel foar har krije koe: de âldere dame en de studint drok oan it riddenearjen. It like wol in foardracht. Winterjûnenocht, sa't hja eartiids wolris meimakke hie yn Nes mei Waling Dykstra-en-dy! Mar hoe't hja har ek fermakke, hja wie ûnderwilens wol hyltyd nijsgjirriger wurden en woe Muoike de wurden wol út 'e mûle lûke.
‘Wolno, bern, koartsein komt it hjir op del, dat dy jongeman dy útnoege hat foar it studintebal. It wie sa'n aardige jonge, Sjoukje, sa
| |
| |
iepen. Wier, dat silsto ek fine. Hy is lang, de skrale kant neist en hy sjocht in bytsje bleek. Kom, hoe sil ik him dy no fierder ris beskriuwe? Hy hat in smel gesicht mei in opfallend grutte noas en eagen, dêr't er jin frijút mei oansjocht, nee, bleu is er perfoarst net. Hy doar der hiel wol te wêzen, mar hy hat in gefoelige mûle.’
As hie Muoike sels in útnoeging krige, tocht se, sa ferhearlike seach se derút.
‘Wier is it, bern, sa'n flotte en foarkommende jongeman; ast der nocht oan haste, moatst it mar dwaan, soe ik sizze. Moai foar dy! Ik moat it der fansels jûn earst noch al mei Omke oer hawwe, mar ik foar my doar myn tastimming wol te jaan, hear. Sa'n jonge kin der dochs ek neat oan dwaan, dat syn faam net komt en hy kin net allinne nei sa'n bal ta, dat sille jimme heit en mem ek wol begripe.’
Dy jûns krige Omke Ale it hiele ferhaal te hearren en dy liet him maklik belêze. Muoike hie gelyk, as Sjoukje der nocht oan hie, wêrom soe hy har dan de wille fergunne? Hja wie gjin bern mear en wist sels ommers wol hoe't se har hâlde en drage moast?
Hja wie Omke om 'e hals fallen. Hy hie har even tsjin him oan hâlden: ‘Famke dochs, bist no sa bliid?’
| |
7.
Folslein ûnferwachts wie hja sadwaande op 10 maart 1885 dochs noch yn Grins nei it maitiidsbal fan ‘Vindicat atque Polit’ rekke, net mei Durk Hartmans, mar mei Piter Troelstra.
De oare deis hie se har freondinne fuortendaliks wiidweidich skreaun, hoe't it west hie. En mei dy brief - hja hie him noch altiten, Clara en Piter hiene har letter elts in stik werom jûn - mei dy brief wie alles echt begûn.
Grins, 11 maart 1885
Leave Clara,
Do silst it net leauwe, mar no haw ik dochs noch nei it studintebal west, mei Piter Troelstra út Ljouwert. Of hiest dat miskien al fan
| |
| |
jimme Jan heard? Ik haw dyn broer dêr noch troffen en mei him praat. Docht der ek net ta. Clara, it wie sa hearlik! Hearlik, yn ien wurd! Ik haw noch nea sa 'n moai feest meimakke. De grutte seal fan de Harmonie wie prachtich fersierd. Rûnom by de kant lâns stiene griene strûken, palmen en oare beamkes yn plantebakken mei neimakke antike bylden dertusken. Oer de orkestbak hinne wie in brêge timmere en dêrfoar stie in echte fontein te sproeien yn in fiverke mei allegear bloeiende blommen dêromta. Ast op dat brechje stiest, koest hiel moai de dûnsflier oersjen. It muzyk spile hast oan ien tried wei troch, walsen en gavottes en mazurka's. Mar wy hawwe net sa f aak stien te sjen, hear, Clara, meastentiids diene wy mei en dat gie foar wûnder. It wie krekt as hiene Piter en ik al withoefaak mei-inoar dûnse. Ik sweve yn syn earmen en fielde amper, dat ik de flier rekke!
Piter hat ek noch in taspraak holden. Ik wie sa grutsk op him! Hy betanke de kommisje dy't alles regele hie en dy't it slagge wie om der sa'n moai feest fan te meitsjen.
Witst dat it dit jier hast net trochgien wie? Ferline jier mei it lustrum hie alles sa djoer west, dat guon studinten no it maitiidsbal mar oerslaan woene. Tink dy dat ris yn, dan hie ik de moaiste jûn fan myn hiele libben misse moatten!
Ik haw safolle wyn dronken, earst yn de Harmonie en letter op de soasjeteit by it souper. Ik waard der hielendal bliid en waarm fan en licht yn 'e holle. O Clara, Piter wie sa galant en hy seach der sa kreas út yn syn rokkostúm. Hy hie my in korsaazje stjoere litten fan in wite roas en sels hie er ek sa 'n blom op 'e jas. Elk koe sjen, dat wy byinoar hearden. Ik wist net, dat ik my sa echt in frou en dêrtroch wer sa lokkich fiele koe. Hy makke my kompliminten oer myn ‘moai lang hier’ en oer myn ‘sprekkende brune eagen’ en dat miende er grif, want hy seach der sa leaf by. Ik koe der hast net fan sliepe fannacht, Clara. Hyltyd noch hearde ik de muzyk reauntsjen en dan walste ik yn gedachten wer, mei Piter syn earmen om my hinne. Ju, witste wat ek sa hearlik wie: wy koene sa goed prate tegearre. Piter hat my ferteld oer it studintelibben, wat er allegearre die en wêr't er yn siet - hy is echt rûnom by - en doe haw ik fansels op 'e tekst west oer ús kostskoalletiid. Wy hiene sa yn wille tegearre. It is krekt of ken ik him al hiel lang! Hiesto dat ek, doe mei Lykle, ferline jier?
| |
| |
Piter is wol in hiel ein grutter as ik bin. Ik kin krekt ûnder syn earm. Syn freonen wiene slim benijd mei wa't er oansette komme soe, koe ik wol fernimme. Hy hat, leau 'k, wol wat de namme in fammeg ek te wêzen. Hja pleagen my dêr in bytsje mei, mar ik koe alles wol ferneare.
Piter fûn myn baljurk hiel moai, sei er. Ik hie ús Mem har gouden kettinkje liend, mei it medaljon deroan en hy woe perfoarst sjen hokker ‘minnaar’ ik dêryn hie. Hy bearde, dat er net leauwe woe, dat der noch net in feint wie, fan wa't ik it portret op it herte droech. De flammen sloegen my út, doe 't er sa tichteby kaam om dy lytse printsjes te besjen, mar Piter bleau tige earnstich en doe haw ik him ferteld, dat it myn ferstoarne suster wie oan de iene kant en in berneportret fan de muoike nei wa 't ik neamd bin yn de oare helte.
Doe hawwe wy noch in hiel ynlik petear hân. Hy hat syn mem f erlern, doe't er noch mar âlve jier wie en hy mist har noch altyd, alle dagen, sei er. Slim no? Syn heit is wer troud, mar no is syn twadde mem ek wer siik. Dêrtroch is syn heit noch stiller en stranger wurden as er altyd al wie en hat Piter it thús net sa gesellich. En hy hâldt krekt sa fan fleur en wille. O, ik woe wol, dat ik wat foar him dwaan koe!
Doe't ik fan 'e moarn wekker waard, no ja, winliken wie it al hast fan 'e middei, want it wie juster ek al hjoed ear't ik thús kaam, doe hie ik fuortendaliks wer sa'n spesjaal kriuweljend gefoel yn it liif. It trillet fan binnen, it núndert.
Tinksto dat Piter my noch wolris freegje sil? Of soe dat famke, dat er earst frege hie, echt syn faam al wêze. Dat kin ik hast net leauwe, dan hie er net sa leaf foar my wêze kinnen.
No hâld ik op, hear Clara, do silst my wol ferfelend fine mei al dy ferhalen oer in jonge dy't ik noch mar kwealik ken. O, ik wit no wol, dat ik op Durk nea echt fereale west haw. Dit fielt folle spannender. Skriuwst my gau alles watsto witst fan ‘Piet Troel’? Do kenst him ommers wol út Ljouwert en sa haw ik him wolris fan dy neamen heard. No bern, no hâld ik echt op, hear, alwer in brief fan fjouwer kantsjes. Ik bin ek sa bliid!
De hertlike groetenis fan dyn freondinne
Sjoukje Bokma de Boer.
| |
| |
| |
8.
Doe't hja in deimannich letter wer thús west hie, fielde se har fleuriger en lokkiger as sûnt tiden. Fan moarnsier oant jûns let rûn se sjongende troch it hûs en hja woe Mem en Jette mei alles wol helpe. Hûndert út hie se ferteld oer de útfanhuzerij yn Grins.
‘It wie sa gesellich by Omke en Muoike en sa'n prachtich feest! Sa'n aardige jonge! Heit hat fan Muoike Hinke wol heard, hoe't dat gien is, no?’
Heit hie knikt en Mem ris oansjoen. Hja hie wol fernommen, dat har âlden Piter syn namme wolris neamen heard hiene en dat der net altyd like posityf oer him tocht en praat waard.
De rûnte fan begoedige Ljouwerter boargers wie fansels ek net sa grut, beriddenearre se en de minsken mochten no ienris graach rabje. Sawol de Bokma's mei har affearen yn de Fryske haadstêd as de omkes fan Memme kant mei harren bestjoerlike funksjes soene grif wol kunde oan Piter syn famylje hawwe.
Heit hie oan Mem en oan Jette, dy't fansels ek wakker nijsgjirrich wie, ferteld, dat dy Troelstra, senior dan, neist in pear jier in ûnderlinge brânfersekeringsmaatskippij oprjochte hie. Hy skynde it aardich dwaan te kinnen. Foar syn twadde frou, in boeredochter út Wurdum dy't nammers sels ek wol wat meibrocht hie, hie er earder al in moai hûs bouwe litten Efter de Hôven, oan de súdkant fan de stêd. Nee, de âlde hear Troelstra, dêr hie er nea oars as goeds fan sizzen heard. In man dy't himsels fiks opwurke hie; hy hie karriêre makke by de belêstingtsjinst en wie no al wer jierrenlang lid fan de Rie, fan Provinsjale Steaten, redakteur fan de Friesche Courant, frijmitselder. Dat wie dus allegearre wol wier, wat dy studint oan Hinke ferteld hie.
Lykwols - Heit hie him doe ta har rjochte - lykwols moast Sjoukje har no mar net daliks al te folle yllúzjes meitsje. Heit woe har graach in teloarstelling besparje en sa'n fleurige studint soe grif wolris faker in famke de holle oerstjoer makke hawwe. Hja moast him beleaven mar net oanmoedigje.
It hie har ynearsten absolút net oan wollen, dat se har fersind hawwe kinne soe. Piter hie sa oprjocht like dy jûns fan it bal. En Muoike Hinke hie him dochs ek fuortynienen graach lije mocht!
Mar doe't hja wikenlang neat fan him hearde, wie se dochs ûngerêst
| |
| |
wurden. Soe soks dan neat betsjutte foar sa'n flotte jonge? Al dy komplimintsjes en syn fereale loaits? Miskien hie er har efternei wol útlake mei syn maten.
En doe, wylst hja al hast net iens mear op in libbensteken hoopje doarst hie, doe wie der op in moarn in brief kommen fan Clara út Arnhim en dêrby yn siet noch in envelop.
‘Oan 'e Rju Eale Juffer, Juffer S.M.D. Bokma de Boer’ stie dêrop. Oan de hân fan skriuwen seach se daliks wol, dat dat in brief fan Piter wêze moast. Har hert sprong op. Dat wiene deselde foarse letters as fan syn útnoeging!
Hja draafde nei har eigen keamer ta en skuorde mei triljende fingers de slúf iepen.
Grins, dizze 28e fan 'e foarjiersmoanne 1885
Rju eale juffer,
It muoit my oprjocht, dat ik jo net earder in brief takomme litte koe, mar ik wist it adres fan jo âlden yn Gelderlân net. Sadwaande haw ik my earst ta jo freondinne, juffer Clara van Loon yn Arnhim, rjochte. No't hja safreonlik west hat en bring my op 'e hichte fan jo betinken oer ús moeting, doar ik it weagje en sprek frij út, wat it herte my ynjout.
Och, leave Sjoukje, sûnt dy wûndermoaie jûn yn de Harmonie, doe't wy inoar foar it earst mei bekende eagen sjoen hawwe, haw ik -echt wier -dei en nacht oan dy tinke moatten. Ik kin my in libben sûnder dy, myn lytse dûnsfaam, hast net iens mear foarstelle! Och sa graach soe ik neier mei dy yn 'e kunde komme wolle, al leau ik, dat ik dy no ek al hiel goed ken. Wat hawwe wy inoar net allegearre ferteld yn it waarme kearsljocht en ûnder de betsjoenjende lûden fan fioelen en fluiten? Ik haw noch nea in famke met, mei wa't ik daliks sa fertroud wie. Sjoukje, wier, do makkest in oar minske fan my! En datst in Friezinne bist, dêr bin ik al sa bliid om. Freegje it mar oan myn maten, ik haw altyd sein, dat ik allinne mar mei in Frysk famke boaskje woe. En no haw ik har fûn!
Soene jo, eale juffer Bokma de Boer, wol in goed wurdsje foar my dwaan wolle by jo âlden? Ik soe it tige op priis stelle as ik in kear
| |
| |
komme mocht om my foar te stellen, Jo âlden moatte dochs witte, mei wa't harren dochter te dûnsjen west hat? En troch de omstannichheden haw ik net yn 'e gelegenheid west om foar it feest by jo thús te kommen en my te presintearjen, sa't it winliken heard hie. In sneinoer soe it moaiste wêze mei it each op de lange reis.
En, Sjoukje, dan kin ik ek langer by dy wêze! Ik hoopje ynlik dy gau wer te sjen. Soe it yn begjin oare moanne faaks kinne? Skriuwst my gau werom?
Ik einigje dizze brief mei gefoelens fan hege achtinge foar jo âlden, rju eale juffer en mei de bêste winsken út in langjend hertefoar dy, leave Sjoukje,
dyn Pyt.
Dêr stie it, dêr't hja sa nei útsjoen hie. Hja sûge de wurden yn en hie it papier wol tútsje kinnen. Ynstee dêrfan hie se hiel hoeden mei ien finger de letters fan syn namme neiskreaun: ‘dyn Pyt’, stie der, ‘dyn...’.
Hja lies Piter syn brief wol trije kear, ear't hja der ta kaam om ek Clara har epistel iepen te tearen.
En doe't hja foar it ferstân krige, hoe't dat gien wie yn Grins mei dy útnoeging, doe hie se har dochs wol in bytsje beskamme field. Hja wie har freondinne oan 'e iene kant tankber dat dy de kâns waarnommen hie om har en Piter mei-inoar yn 'e kunde te bringen, mar oan 'e oare kant... dat Clara him letter in bledsje fan har eigen brief mei it ferslach fan it feest tastjoerd hie, dat gie har fier genôch. Wat mocht Piter wol net fan har tocht hawwe?
| |
9.
Har freondinne hie yn dy snuorje in jûn by har west om alles wat der bard wie nochris oer te eidzjen. Hja hie Clara ferteld, hoe ûngelokkich se west hie, omdat hja - tsjin har heechstimde ferwachtings yn - sa lang neat fan Piter mear heard hie, wylst hja it op it bal tegearre dochs sa iens west hiene. Doe hie Clara bekend, dat sy Piter eartiids wol altyd wat in komediant fûn hie en yndie eefkes wifke hie, doe't har broer útsteld hie, dat Troelstra dy freondinne fan har
| |
| |
dan mar freegje soe, doe't er ynienen sûnder sydsulver siet. Clara hie earst net witten, oft hja wol meiwurkje woe oan dat oars wol snoad betochte plan, mar Jan hie oanhâlden en doe hie se it der mar op weage en it adres fan Omke Ale-en-dy trochspile.
En ja, dat wie sa, letter hie hja Piter ek dielgenoat makke fan Sjoukje har opteinens oer it feest troch him in side fan har brief te stjoeren dêr't syn namme opfallend faak op foarkaam. Samar foar de aardichheid, dêr stiek dochs neat yn? Dêr koe se dochs net lilk om wêze? Ut syn fersyk him har adres te jaan, hie se wol begrepen, dat it Piter tinken wie.
‘Ja mar, Clara, do seist niis sels, datsto Piter eartiids net sa aardich fûnst.’
‘Dat is sa, mar hy kin dochs bêst yn syn foardiel feroare wêze? Jan is no tige wiis mei him. Doedestiids wie Piter noch op 'e h.b.s., moatst rekkenje. Ik haw him yn gjin jierren sjoen. Letter is er nei it gymnasium gien en doe yn Grins bedarre. Myn âlden noegen him destiids noait út foar partijtsjes dêr't wy famkes ek by wiene, omdat er sa brutaal en ûnbeskieden wêze koe en yn in selskip altyd it heechste wurd hie, mar hja hawwe der dochs nea gjin beswier tsjin hân, dat ús jonges mei Piter omgongen.’
‘Hoe seach er der doe út, Clara?’
‘Goaien, dat wit ik net mear, dêr haw ik noait sa om tocht, ju, gewoan in skoaljonge lykas myn bruorren, mar wol altyd drok en redenryk, dat wit ik noch wol. En men moast om him laitsje, ek al hie men argewaasje fan syn hâlden en dragen. Koest nea lang lilk op him bliuwe.’
Clara lake by it weromtinken oan de fiten dy't de jonges destiids mei-inoar úthelle hiene, ‘Pyt fan ûntfangers’ foarop.
Mar no hie dyselde Piter ferlet fan wat fêstichheid, hie Jan sein. Hy hie no lang genôch omflinterknipt en dy freondinne fan har like him krekt in geskikte frou ta foar ‘Piet Troel’. It soe hiel goed foar him wêze as er noris in ‘deeglik’ famke trof, dat him ‘mei sêfte hân wat liede koe’.
Clara brocht Jan syn wurden oer mei de yntonaasje fan har grutte broer derby en hja hiene slop lein mei har beiden om Jan van Loon syn âldmannige kwalifikaasjes.
Clara ornearre, dat dat harsels ek in - ahum - ‘och sa moaie libbenstaak’ foar har talike. Jan fûn har grif folle serieuzer as syn suske mei
| |
| |
har baantsje yn dat wrâldske Arnhim, fier fan it âldershûs.
Dy Sjoukje like him ‘in ferstannich bern’ ta, hie er sein en it wie moai meinommen, dat hja - krekt as syn pupil - ek ‘tige fan lêzen en fan literatuer hold’.
‘No, no, hoe wit Jan dat allegearre, Clara? Do hast grif frijwat op 'e tekst west oer myn karakter en myn talinten?’
‘Fansels, do bist net om 'e nocht myn bêste freondinne en Jan hat dy ommers ek wolris moete, ast by ús útfanhûs wiest? Wat tochtst? Dy hat sels ek eagen yn 'e holle.’
Uteinlik hie Clara har oerhelje litten, omdat se wol oanfield hie, dat hja slim teloarsteld west hie om Durk syn ôfskriuwer. En it wie oant no ta ommers goed beteard? Hja hie dochs in moaie jûn hân mei Piter? No dan!
Doe't Clara wer ôfset wie, hie se it beslút nommen tenei mar ris wat mear op har eigen gefoel te fertrouwen. Hja liet har âlden Piter syn brief lêze en frege oft hja him útnoegje woene om meikoarten ris nei Brummen ta te kommen.
Heit aksele tsjin. Koe dy besite net wachtsje oant Mem it nije hûs wer wat op oarder hie? Yn it lêst fan de gersmoanne soene hja ommers nei Renkum ferfarre?
Nee Heit, toe, hja woe Piter sa ôfgryslik graach gau wer sjen! En it wie ek folle aardiger as er letter wist, hoe moai as hja dêr op ‘de kleine Rees’ wenne hiene.
Heit en Mem hiene grif wol yn 'e rekken krige, hoe wichtich it foar har wie om dy jongeman út Grins gau wer te sjen, dat hja hiene tajûn. Hja woene no sels ek wol graach mei him yn 'e kunde komme en soene him skriuwe.
Hja hie Piter syn antwurd op de útnoeging fan Heit en Mem doe net iens ôfwachte en him in lange brief stjoerd oer alles dêr't hja sa mei ompakt hie. De earste maartske fioeltsjes hie se hiel foarsichtich yn in stikje floeipapier teard en se doe by har brief ynsletten. As it wat waard mei Piter dan woe se harsels wêze kinne en net erflik neitinke hoege, oer wat hearde en net hearde foar in deeglik grutbrocht jongfaam. Hja woe Piter fiele litte, dat hja oan him tocht, ek al doarme hja - withoefier by him fandinne - allinne yn 'e Gelderske bosken om.
| |
| |
Noch gauwer as hja ferwachtsje doarst hie, wie der doe alwer in brief werom kommen. Hy hie hiel bliid west mei harres, skreau Piter en jit mear mei de blomkes. Hy hie se droege lykas de roas dy't er by harren feest op syn rok hân hie. Dêr hie er in fers oer skreaun. It wie samar yn him opwâle en hy woe it graach oan har opdrage.
Ik rin alhiel beteutere om
De swietrook fan in wûnderblom
No sjong en floitsje 'k yn 'e moarn
En laitsje tsjin 'e sinne.
O wûnderbliere hertesoan,
Hja hie dat earste fers lêzen en wer en wer, oant hja it glêd fan bûten kend hie. In leafdesfers, ‘O wûnderbliere hertesoan’, dat immen dat foar har skreaun hie! Hja wie der hielendal waarm en bliid fan wurden.
| |
10.
En doe wie de sneon kommen, dat hja Piter fan de trein helje koe om him oan har âlden en har susters foar te stellen. De nachts tefoaren hie se omtrint net slept en hja koe gjin stikje bôle troch de kiel krije dy moarns. Wol in healoere te betiid wie se oan it stasjon. Hja hie de nije simmermantel oandien om der sa kreas mooglik út te sjen, mar winliken wie it dêr noch fierstente kâld foar. Mei de hannen djip yn 'e bûsen en de kraach omheech dangele se klomjend en huverjend it perron op en del. Hja doarst ek net yn de wachtkeamer te gean, deabenaud, dat Piter har dan op it kritike momint ûntkomme soe.
As er har no ris net stean seach tusken al dy oare minsken? Hja wie
| |
| |
mar lyts. Se soe troch de grûn gean as er har samar foarby rûn. Hy soe har dochs noch wol werom kenne? Nochris rûn se nei de ein fan it perron en wer werom. Hja hiene elkoar noch mar ien kear met.
Hja draaide mar wer om. Kaam dy trein no mar! Hja dikere yn 'e fierte oft hja noch net in lyts reekplomke gewaar wurde koe. Neat. Soe se no noch fierder trochrinne de trein yn 'e mjitte of leaver oan de oare kant fan it perron wachtsje, tichteby de útgong, dan moast hja him yn alle gefal sjen. Mar dan duorre it namste langer, ear't er by har wêze soe.
Der rûnen hyltyd mear minsken op it perron om. Dy woene grif deselde trein nei Arnhim nimme, dêr't Piter útkomme moast.
Hja seach foar de safolste kear op 'e stasjonsklok. Noch goed sân minuten. Duorre it echt altyd sa'n ivichheid, ear't de wizer de hiele rûnte lâns west hie?
Lang om let, hearde se yn de fierte it fluitsjen fan in trein. De minsken kamen yn beweging. Wêr moast se no stean gean?
De trein dindere it stasjon binnen. Wol in stik of sân, acht minsken stapten út. Dêr, dy man, mei dy dûnkere jas, wie dat him? Nee, dy wie te âld. Dy dan? Nee, dat koe ek net, dy bûgde him oer nei in dame dy't ek út de trein kommen wie, naam har tas oer en bea har syn earm oan. Godskes, Piter soe der dochs wol yn sitte? Hja draafde by de rydtugen del en ja, gelokkich, út de efterste wein wei kaam er har yn 'e mjitte. Wat in aaklik lange trein!
‘Ha goeie, Sjoukje, hjirre!' rôp er al fan fierren. Hja wie stean bleaun, dêr't se stie en sprate de earms út. Hy smiet syn kofferke del en krige har mei beide hannen om 'e mul beet. Hja draaiden in heale slach yn 'e rûnte.
‘O, Piter, wat bin ik bliid, dat ik dy wer sjoch, ik bin sa wiis mei dy, ik haw sa nei dy útsjoen, ik miste dy sa.’
Hja hie hast net witten, wat se sizze soe, allinne mar dat hja him stiif beethâlde woe en nea wer loslitte.
‘Ik lit dy nea wer los, Sjoukje, ik bin sa bliid, dat ik dy wer sjoch, famke, myn famke, kom hjir ris!’
En sûnder dat hja der erch yn hân hie, treau Piter har samar in tút op 'e mûle. Samar, midden op it perron! It ferbjustere har en hja krige in kleur, mar se fielde har dochs ek och sa bliid en doe hie se him ek noch werom patte.
Piter hie wûndergau thús west mei har âlden, neidat hja earst wat
| |
| |
ôfwachtsjend en hifkjend in petear begûn wiene. Al gau die bliken, dat hja yn Fryslân gâns mienskiplike kunde hiene en doe wie it iis samar brutsen. Heit wie sels alhiel op 'e praatstoel rekke en helle ferhalen út syn eigen studintetiid op, dy't syn dochters noch nea fan him heard hiene. En it waard noch geselliger, doe't middeis ek Rensia en Willem mei de bern op besite kamen. De tiid fleach om en hja miende, dat se amperoan de kâns krige hie om ris even fertroulik mei Piter te praten, mar doe't hja de sneintejûns har feint wer nei de trein brocht, wisten se dochs alles fan elkoar dêr't hja tefoaren noch nijsgjirrich nei west hiene. It wie krekt as hiene se al withoelang ferkearing hân.
Doe't Piter har op itselde plak as by syn oankomst yn 'e earmen naam, hie se dat al folslein fanselssprekkend fûn. Mei waarme wangen wie se nei hûs ta stapt, yn gedachten al dwaande mei it brief, dat se him dyselde jûns noch skriuwe soe.
| |
11.
En doe wie alles tige hurd gien. Hja wennen noch net in wike yn it nije hûs yn Renkum, doe't de post op in moarn al in brief foar har âlden brocht mei it poststimpel Ljouwert en as ôfstjoerder: J. Troelstra.
Mei deselde bestelling wie der ek ien fan Piter út Grins kommen en dêr hie er yn beskreaun, hoe't er dat hân hie thús. Hy hie syn heit der min ofte mear ta twongen om in brief oan har âlden te rjochtsjen en formeel om de hân fan harren jongste dochter te freegjen. De âldehear hie earst wakker tsjinabbelearre. Piter wie him fierstente gleon en te hastich. Hoe lang koe er dy Sjoukje no hielendal? En wêr wie it foar nedich, dat hy, nota bene op freed, as it op syn kantoar fanwegen de merk dochs al sa bannich wie, ynienen hookstrooks in brief skriuwe soe oan in him amper bekende mjirkes dûmny earne yn Gelderlân? Wêrom woe Piter no sa hommels offisjeel ferlove? Dat famke rûn dochs net fuort, wol? Dy Sjoukje moast earst mar ris in deimannich yn Ljouwert komme, dan koe Piter har ek foarstelle oan Moe. En foarlopich koene hja gjin útfanhuzers hawwe en alhiel net in frjemde jongedame. De froulju sieten noch middenyn it maitiids-himmeljen en der moast noch behongen
| |
| |
en stukadoard wurde. Hoe krige er it yn 'e plasse? It hiele hûs stie ommers op 'e kop.
Mar doe hie Piter sein, dat Haukje ek sa graach yn 'e kunde komme woe mei syn faam. En hoewol't Heit grommele hie, dat Haukje en Sjoukje en Sjoukje en Haukje noch safolle mei-inoar prate en briefkje koene as hja mar woene, as dy ferloving der strak troch wie, dochs fertroude Piter der fêst op, dat syn heit om Haukje in deugd te dwaan dochs dy brief no wol skreaun hawwe soe. Hjoed of moarn soe der grif in kreas, formeel oansiik by har âlden arrivearje. Woe hja him dan asjebleaft sa gau mooglik witte litte, wat dy dêrop te sizzen hân hiene? Hy stoar fan langstme!
Hja liet it papier sakje. Fansels soe se him gau werom skriuwe. Hja die neat leaver, mar mei wat boadskip? Hja seach op har klokje en waard suver ûngerêst. It wie grif al wol mear as in healoere lyn, dat har âlden har mei de post yn Heite nije studearkeamer weromlutsen hiene.
Doe't hja Piter syn brief foar de tredde kear krekt sawat útlêzen hie, stuts Heit de holle om 'e doar en frege, oft hja even komme woe. Mem en hy moasten wat mei har beprate.
Wat seach er earnstich! Betsjutte dat, dat er in dreech boadskip foar har hie? Der kaam in gefoel fan striidfeardigens oer har. Hja soe fjochtsje foar har lok!
Heit liet har de brief fan Troelstra lêze en frege wat syn antwurd wêze moast.
‘As it oan my leit, “ja” fansels,’ andere se drystwei. Hja skrok der sels fan, sa hastich en heech wie dat ‘ja’ derút kommen.
‘Ja bern, dat hiene wy wol tocht, datsto der sa ûnder stean soeste. Do wolst graach, dat wy ús tastimming jouwe, mar wy moatte hjir earst ál goed mei-inoar oer prate, fansels. In ferloving is net samar wat. It giet om dyn takomst, om dyn hiele fierdere libben.’
Heit kaam oerein út syn stoel en begûn de keamer op en del te trêdzjen. Doe't er by har wie, lei er har de hân op 'e holle en seach har lang en fol noed oan.
Doe sei er: ‘Famke, wy wolle fansels neat leaver as datsto lokkich wurdste. En wier, Piter liket ús, sa yn it earste oankommen, ek in tige oannimlike feint ta, wis wol, mar foar in houlik is mear nedich. En do witst ek wol, dat dy jongeman syn reputaasje net, net, no ja,
| |
| |
hoe sil ik dat no sizze sûnder dy op it sear te kommen, no ja, hawar, net alhiel sûnder wryt of slyt is.’
‘Wat? Leauwe jimme dy praatsjes út Dokkum fan neef Boekhout? Dy syn soan is grif jaloersk, omdat hy sels lang net safolle freonen hat ûnder de studinten as Piter.’
Heit suchte en joech him mei in wurch skouderlûken wer del efter syn buro.
‘Ik woe neef Boekhout der graach bûten litte, Sjoukje!’
Hy tyspele wat om mei de pinne, ferlei in steapeltsje boeken dat noch gjin fêst plak krige hie en ferfette doe: ‘It seit himsels dochs, berntsje, dat wy yn de lêste wiken nochris wer nei de jonge Troelstra fernimme litten hawwe. Bûten de famylje om. En om no mar koart te kriemen - de boeken waarden op it âlde plak weromlein -om koart te kriemen, wat wy te hearren krige hawwe, dat is ús net tafallen. Nee, dat is ús ôffallen, no Mem? Sa sit it. Lit my dat no ek mar plan-út sizze: Piter skynt yn Grins frijwat as in wylde bruier bekend te stean, in brutale bongel, dy't der wat de stúdzje oangiet mar wat mei de mûtse nei smyt. Do hiest efternei besjoen doe folle better mar net mei him meigean kinnen, Sjoukje!’
Heit wie hyltyd lûder begûn te praten: ‘Hoe moat dat komme mei jimme? Hasto dêr al ris oer neitocht? Piter is no al fiifentweintich en hy hat allinne syn kandidaats noch mar. It kin noch gâns in skoft duorje, ear't er ôfstudearre is en...’
‘Dat wit ik allegearre sels ek wol, Heit. Tochten jimme, dat wy dêr net oer praat hiene? Piter en ik begripe skoan, dat jimme hawwe wolle, dat hy earst syn stúdzje dien makket, foardat wy boaskje.’
‘Wolsto dêr dan op wachtsje? Mar, famke, hast wol foar it ferstân, dat dyn bêste jierren ûnderwilens foarby geane? Do bist ek al net iens sa hiele jong mear om te trouwen. Mem wie amper tweintich, doe't wy de lange hier yn giene. En stel, datsto no ál noch jierrenlang op him wachtsje wolste, is it dan wol sa ferstannich en meitsje jimme engaazjemint dan no al offisjeel buorkundich? Dat hat de tiid dan dochs noch wol? Berntsje, der kin noch sa'n soad barre ûnderwilens. Miskien is it better, dat jimme inoar dan earst yn alle rêst nochris wat better kennen leare.’
‘En dan? Hoopje jimme, dat er my dan ôffalle sil en dat ik it útmeitsje? Kinne jimme lang wachtsje! Ik begryp net, dat jimme alles leauwe wat de minsken rabje! Nee, Piter hat net as in muonts
| |
| |
libbe yn Grins, dat wit ik ek wol, mar Heit hat dochs sels ek studint west? Piter hat my earlik ferteld, dat er wolris earder in faam hân hat, ja, dat er ferline jier sels ferkearing hân hat mei in famke, mei wa't er graach trouwe wollen hie, mar dat mocht net fan de famylje en doe is it útskuord. En doe hat er der even ôf west, fan fertriet, is dat sa raar? Doe stie de holle him in skoftsje net nei studearjen, mar no is dat oars. No hat er wer in doel! En no moatte jimme him de kâns jaan om sjen te litten, dat er it echt wol kin. Hy hat syn kandidaats dochs ek moai flot helle? En hy hat net allinne mar fuifd. Hy hat ek oan literatuer dien, fersen makke, toanielspile, stikken foar kranten skreaun. Hy hat in hiele protte funksjes hân yn it Corps. Dêr leare jo ek in soad fan! Mear as fan allinne mar mei de kop yn 'e boeken! En hy is ynspekteur foar Grinslân by syn Heite fersekeringsmaatskippij, dêr moat er foar reizgje, dat nimt tiid! Ik begryp net, dat jimme dat net sjen wolle!’
‘Kalm, kalm, Sjoukje, bedimje dy wat! Sa kenne wy dy net. Wat bist oerémis! Wy sjogge echt wol...’
‘Nee, jimme wolle it net sjen en dat fyn ik gemien, jimme wolle Piter allinne mar swart meitsje, mar hy hat my ûnthjitten, dat er no fûl studearje sil en ik leau yn him. Der bestiet foar my mar ien man en as ik net mei him omgean mei, dan trou ik net, noait!’
Hja stie te triljen op 'e fuotten. Heit wie fannijs oerein kommen. Hy rûn op har ta en naam har beide hannen yn sines. It waard hiel stil. Hja fielde, hoe't har lilkens saksearre, doe't er hoeden har kâlde fingers begûn te streakjen en se hie har daliks alwer skamme foar har útfal.
Mei wat in heas lûd sei Heit doe, dat er hope dat hja gelyk krije soe, mar Piter moast har perfoarst earst in wisse takomst te bieden hawwe. ‘It oare wolle Heit en Mem wol oersljochtsje, as dat dysels net yn 'e wei is, Sjoukje. In man moat ek wat ûnderfining opdwaan yn syn jonge jierren. Ik wit wol hoe't dat giet en do hast gelyk: ik haw sels ek jong west.’
Hy seach Mem oan, dy't him waarm taknikte en nei har knypeage.
Doe sei se: ‘Dat, do bist derfan oertsjûge, dat Piter it dy earnstich mient, Sjoukje? No, as it dy dan ek wier tinken is, dan moat it mar oangean, soe ik sizze.’
Hja wie fan blidens by Mem har stoel delknibbele en hie de holle yn har skurte lein.
| |
| |
‘Sjoch my ris oan, Sjoukje! Ik hoopje dochs sa, datsto Piter ta stipe wêze kinste, bern! As jimme inoar leafhawwe, dan rêde jimme it tegearre wol op. De leafde kin in soad oerwinne.’
‘O, Mem, Heit, wat sil Piter hjir wiis mei wêze! Hoe sille wy dat dan hawwe? Mei syn hiele famylje hjir dan komme? Kin dat wol, Mem? Ik sil tige helpe, hear!’
Ynienen wer ien en al aksje wie se nei har keamer ta draafd om Piter fuortendaliks it nijs te skriuwen.
| |
12.
Op 17 maaie 1885 wie it engaazjemint tusken P.J. Troelstra jur. cand. te Grins en S.M.D. Bokma de Boer te Renkum publyk makke. Hja hiene by har thús resepsje holden.
En op de 20ste stiene samar ûnferwachts Piter en syn freon Lykle de Jong alwer foar de doar.
Oft hja meigie nei Arnhim? Hja woene Clara ferrasse troch har op te wachtsjen by de skoalle. Dan koene se mei har fjouweren ûnder inoar de ferloving nochris fiere.
It hie foargoed maitiid west dy deis, de nageltsjebeammen yn de tunen dêr't hja lâns rûnen, bloeiden mei in oerfloed fan s wiet rûkende pearse en wite blommen. Grutte trossen sniene de jonges dêr temûk mei har bûsmessen fan ôf om dy de famkes en inoar op 'e klean te spjeldzjen. Sa feestlik yn 'e pronk wiene se nei in fotograaf ta set om har ferivigje te litten.
It wie in prachtich portret wurden fan twa jonge pearkes op in bankje mei in boskgesicht op 'e eftergrûn. De fotograaf sette der in buordsje by mei de datum en in tekst, dy't hja mei-inoar betocht hiene: ‘De Seringe Club In liefde Bloeiend’.
‘In liefde Bloeiend’. Sa fielde se har ek dy hiele earste simmer fan har ferloving.
Sûnder der mei ien oer te praten, wie se doe begûn de ferhaaltsjes op te skriuwen dy't hja eartiids op kostskoalle oan de bern fan dûmny Scheltema ferteld hie. En hoewol't hja wol tocht, dat der noch in soad oan feroare wurde moatte soe, hie se der dochs alle kearen dat hja se oerlies, mear nocht oan krige. Net earder as dat hja der sels
| |
| |
alhiel tefreden oer wie, woe se Piter derfan fertelle. Hja seach der nei út, dat er har wurk lêze soe. Dat de leaf de jin sa'n ynspiraasje jaan koe!
‘In liefde Bloeiend’, it wie de sinspreuk fan de âlde Amsterdamske rederikerskeamer ‘De Egelantier’ dy't in wite roas yn it wapen fierde. Harren wite roas, de wûnderblom!
Lieafde jouwt libben hie Piter dêrfan makke, doe't er by it lustrumfeest fan de universiteit dat alhiel yn de tiid fan steedhâlder Freark Hindrik set wie, de rol fan Gysbert Japicx spile hie. Syn freon Willem Zuidema hie Joost van den Vondel útbylde en tegearre hiene se har wakker ynlibbe yn dy dichtersrollen. Hja stalden it programmaboekje gear yn 17de-ieuske trant mei eigen en oarmans sabeare âlde fersen deryn. Piter hie sines opdroegen ‘Oonn'e tsjeppe bliere drege loddrig-swiete fammen fenn'e wol trogwitt'ne stead fen Grinz.’
‘Krekt wat foar dy, wat bist ek in famkesgek!’ hie se túlkjend sein, doe't er it har sjen liet!
Hy hie der sa'n sukses mei hân, dat it boekje foar in twadde kear printe wurde moatten hie. Piter hie der har in eksimplaar fan jûn mei in foto, dêr't er ferklaaid as de Boalserter dichter op stie. Yn in sulveren listke hie se dy op har sekretêre te stean.
Dat buroke hie in kado west fan Omke Ale en Muoike Hinke foar de ferloving. In prachtich kado en fansels eins fierstente gek hie Omke sein, mar hy wie no ienris tige wiis mei har!
Muoike en hy wiene der in bytsje grutsk op, dat hja Piter foar it earst by harren thús yn Grins moete hie, doe't er har ôfhelle hie foar it bal en no fielde er him as in soarte fan petefaar by harren ferloving. Hy woe 't har no wol bekenne, dat er sels dy jûns hast like senuweftich west hie as hja!
Omke Ale koe it altyd moai opsizze! Hy hie har wer sawat skean oansjoen, doe't er frege, oft hja sa'n skriuwtaffeltsje krekt no net tige goed brûke kinne soe? Hja soe yn 'e kommende tiid ommers wol in soad leafdesbrieven te skriuwen haw we en dan tocht hja derby faaks ek nochris eefkes oan har âlde omke? Der siet ek in geheim laadsje yn.
As hja letter yn har eigen hoekje sitten hie te skriuwen en út en troch nei Piter syn portret seach, mocht se graach wat dreame oer de
| |
| |
takomst. Hja wie grutsk op har oansteande en fûn him in kreaze feint, in bysûndere jonge. Sa yn it donkere flewielen pak mei de wite kraach en mansjetten en mei dy guozzefear yn 'e hân like er echt in dichter. Syn hier wie hiel koart knipt en hy hie op de foto in lyts snorke. Dat mocht er om har eins wol wer stean litte, dat stie echt manlik! En temûk luorke se dan ek wolris nei syn kûten dy't der yn 'e wite hoazzen ûnder de âlderwetske knibbelbroek mar fiks en krêftich útseagen. Sulveren gaspen hie er op 'e skuon! It muoide har, dat hja him doe mei dy lustrumfeesten noch net kend hie. Hja hie derby wêze wollen om de grutte maskerade-optocht mei hynders en koetsen, findels en flaggen foarby kommen te sjen. Al dy prachtich ferklaaide studinten! As hja doe al oan inoar fersein west hiene, hie hja grif diele mocht yn Piter syn gloarje. Faaks hie er dy fersen dan wol oan har opdroegen. Hja woe net jaloersk wêze, mar oan hokker ‘bliere, loddrig-swiete’ Grinzer famkes soe Piter tocht hawwe, ferline jier? Soe er no noch wolris ien fan har treffe yn 'e stêd?
|
|