Gronologysk oersjoch
13 febrewaris 1860: bertedei Sjoukje Bokma de Boer
20 april 1860: bertedei Piter Troelstra; hy wenne fan 1868-1875 yn Stiens, dêrnei wer yn Ljouwert, dêr't er fan 1875-1879 op 'e h.b.s gie en fan 1879-1882 nei it gymnasium.
Sjoukje wenne fan 1875-1879 yn Dokkum by ds. M.W. Scheltema yn 'e hûs as learlinge fan de kostskoalle, dy't mefrou Scheltema-Tideman en har suster dreauwen.
Fan 1879-1882 wie se wer yn Nes, mar doe't har heit mei emeritaat koe, ferhuze de famylje op 29 maaie 1882 nei Brummen en op 24 april 1885 nei Renkum.
Piter Jelles studearre fan 1882-1888 rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Fan 1882-1885 en fan 1886-1888 wenne er yn Grins; yn 1885-1886 in goed jier yn Ljouwert.
Piter en Sjoukje hawwe inoar kennen leard op in bal fan it Groningsch Studenten Corps op 10 maart 1885. Hja rekken yn maaie fan datselde jier offisjeel oaninoar fersein en trouden op 11 oktober 1888. Piter wie doe advokaat en prokureur yn Ljouwert.
Oan de Skrâns yn Huzum hawwe hja wenne oant oktober 1889; dêrnei binne se om finansjele redenen nei de Nijstêd/hoek Weard ferhuze. Dieuwke is yn july 1889 yn Huzum berne; Jelle yn jannewaris 1891 yn Ljouwert. Fan 1888-1890 redigearre Piter Jelles For Hûs en Hiem, in famyljetydskrift dêr't er sels it inisjatyf ta nommen hie. Nynke fan Hichtum dy't yn 1887 as skriuwster debutearre wie, waard meiwurkster foar de bernerubryk.
Op 27 april 1890 wie de earste grutte ‘1 maaie-manifestaasje’ yn Ljouwert. Dy deis is Troelstra him syn ropping bewust wurden, neidat er al yn 1885 lid fan it Boun foar Algemien Kies- en Stimrjocht wurden wie.
Yn maart 1892 waard Piter Jelles redakteur fan de Sneeker Courant. By de ‘1 maaie-fiering’ wie it skeel mei de radikalen al sa grut, dat de demokraten yn Frjentsjer gearkamen. Op 12 maaie 1892 ferfarden de Troelstra's nei in hûs oan de Reindersbuert yn Ljouwert; ien wike earder hie Piter syn ûntslach oansein krige by de fersekeringsmaatskippij fan syn heit, dêr't er in ynspekteursfunksje by hie. By de besite fan de ‘Keninginnen’ (Emma en Wilhelmina) yn juny 1892 waarden hja bedrige troch Oranjeklanten. Sjoukje dy't mar min oer de swiere ferlossing fan har twadde bern hinne