ik tocht, der sit wer gjin helm yn 't minske, mar men moat de kop der ek foar hâlde.’
‘Men moat fier rinne om sa'n moai rêsthûs te finen as ditte.’
‘Hjir sitte ek minsken dy't it hiel goed dwaan kinne. Dikke miljonêrs sitte hjir, Anne de Boer fan Snits sit hjir rjocht boppe, dy hat my in meubelsaak opboud jonge, dêr is gjin rie ta.’
‘Der binne ek, dy wolle hjir yn Ontario dea net lizze, dy wolle yn Fryslân te hôf brocht wurde. In Strikwerda fan Wûnzer kanten, dy wie yn Fryslân op in stuit stienearm, mar hy gie wol op de stokâlde dei mei de frou werom. Om yn Wûns begroeven te wurden.’
‘Wûns!’ Pieter Kuiper fan Harns, dy't altyd yn de cleaning siet - ploechbaas op in waskerij - seit: ‘Daar su ik doad niet lêge wille!’
‘Jo hearre hjir in soad ôfwaaid praat.’
‘Komme jo mar ris mei nei boppen,’ seit Straatsma, ‘nei ús appartment, dan sjogge jo hoe geweldich fan de heechste flierren ôf it útsicht is.’
‘Nei boppen!’ fynt ek Hank Kloosterman, dy't al in skoftke risselwaasje makke it selskip te ferlitten om't er sein hie wat er te sizzen hie. ‘Nei boppen, want as de sinne ûnder is, is 't oeral op 'e wrâld gelyk.’
Yde Straatsma stapt yn 'e lift en stiicht op nei Murkje de frou. Wy fine har op it blommebalkon. Yn it westen is de skyline fan Toronto waar te nimmen, hiel yn 'e fierte lykje de blanke gebouwen fan Toronto's fleanfjild it lêste deiljocht oan te lûken. Dêr't de geraniums wat minder rynsk út de blombakken krôlje, stiet de stoel fan Yde op 't balkon. Hy kin net lang stean, hat in fersliten heup.
‘Dêr sit er steefêst alle middeis om fjouwer oere,’ seit Murkje. ‘Dan wachtet er oant syn grutte fûgel der wer oan komt. Der stige en dale oan ien tried wei troch fleanmasinen, mar foar Yde bestiet allinne mar de jûnsflecht fan de KLM. Hy komt dêr let yn de middei oan.’
‘Is de wyn noardeast, dan fljocht er leger,’ seit Murkje Straatsma. ‘Dan kin er der net by sitten bliuwe, dan komt er oerein út de stoel.’