leaver de weareld ôf om geskikte, net te djoere rierren. Nei Minnesota, Sioux City yn Iowa, Wisconsin. Dan rin ik de feefeiling op en bats deryn om alve oere. Net rinne te sliepen, helder wêze, net te wyld, net te stadich, net om de alderbêste ko sykje, nee gewoan in soartige ko foar net tefolle sinten snippe. It kin wêze dat ik oan in trailer mei fjirtich bisten genôch ha, mar soms kin ik wol fiif bakfollen op ien en deselde dei brûke.
Der binne hjir boeren fan Frysk komôf dy't dwerstroch in ko hinne sjen kinne. Dy sitte sa fol fan kij, dat se de oerbeppe fan harren earste stamboekko noch boppe 't hollenein fan 't bêd hingjen ha. Mar dêrmei binne se noch net spekkeaper op 'e feefeiling. Jo moatte binnen twa tellen út 'e rie wêze.
Op myn oare pleats haw ik in Mexikaan sitten, dy jonge kin sà melke, hat sà'n ynset en oersjoch, dat ik haw him partner op 'e pleats makke. ‘Ik leau, mr. Reitsma, dat kin ik ek.’ Klear! Hy is der ta yn steat en melk mei syn mannen fjouwertûzen kij yn sân oeren. De Devriesboys - dy komme fan Hearrenfeanster kanten - sieten op in stuit op in ferkeard plak te buorkjen. Dan rekket op 't lêst de wille wat fuort. Hurde wurkers, ik sei, ‘kom mar mei jim seishûndert melke kij by my yn, dan melke jim moai troch en soargje ik foar it totale management.’ No giet it wer dat it slydjaget. Net dat ik sa'n held bin, it kin hjir yn 'e States ek in slach de oare kant op gean. Ik bedoel dat dy mannen aanst de hiele brot wer fan my oernimme, omdat it my dan net mear slagget en harren wol.’
Ferline wike wie John Reitsma ‘wer even oan 'e oare kant,’ yn Fryslân. Under Sint-Nyk fûn er in knappe golfbaan. ‘En dêr trof ik in jonge fan Skettens, ien fan myn jierren, ik sei, wat business hasto. Hy hie meunsternimmer by de molkkontrôle west, sei er, mar no wie er ûnderminister of sa op Ekonomise Saken wurden. In Gerrit Ybema; ik sei, ‘hoe komt it mei de rinte, Gerryt.’ ‘As ik dat wist,’ sei er, ‘die 'k krekt itselde as watsto dochst, John.’ Sa rûnen wy nei de achtste hole, en dêr belle op myn mobil ien fan de mannen út Idaho op. ‘Wel, der komt daalk ek in faks fan my!’ sei 'k. Dyselde deis krige ik in dollarliening tsjin hiele lege rinte. De rinte leech, de molkpriis heech, de foerpriis leech, wêr wachtest dan noch op. Ik wit wol dat it oer in healjier oars wize kin.
Somtiden rint alles mei, dan wer brekt it dy raar by de han-