‘Wilt Ge niet eens even neer komen, wy prakkeseren over nieuw licht’.
Om dy tiid hinne ynstallearde heit de earste radio by ús oan de Skatting. Pake Tsjemme wenne twa huzen fierder, dat der waard ek mar in triedsje oer 't dak fan Jaring Fortuin syn hûs hinne nei pake lein. Dy jûns stie de âldman op 'e Syl te bearen fan ‘ús Rinze hat de radja en ik ha it luidding!’
De jûns dat Rinze weromgrypte nei it ferline achter it ferline, troande er my earst mei nei Buddy Freddy's Country Buffet. Lange tafels fol oerdied, foarkjende en petearjende snowbirds. Wy seagen earst ris om ús hinne om noch mear bekenden op te spoaren. Ald. ‘Waiting-room for heaven,’ liet er him ûntfalle.
De earste jierren fan Rinze en Saapke yn New Jersey. Yn eigen lân droech er frou en bern foar út de bibel, hjir wie er deaferlegen mei de taal. Thús lies er proaza fan Jan Jelles Hof, alias Jan fan 'e Gaestmar, skreau sels wolris in ferske. En no fielde er him yn ien klap analfabeet.
‘Thús hie 'k in pear feinten ûnder my, yn Paterson-NJ pakte my dan in jongfeint, dêr't ik as fakman wol tsien kear omhinne koe, by 't skouder en besocht my om 'e nocht wat út te lizzen. Blyn, dôf en stom wie 'k.
“Kalm bliuwe,” sei Saapke jûns, “yn 't elektrys bist him de baas.”
Doe't ik my der nei in goed jier wat trochhinne slein hie, belle my op in jûn de earste grutte Amerikaanse klant op. Ik naam de heak op, hold de hân der foar en rôp myn fjouwer jonges, dy't al flot Amerikaans sprieken, ta fan: “En jimme hâlde jim de bek!” Wolst dysels rêde.’
Ray Piso boude in bloeiende saak op dy't er letter oerdie oan Marten van Loenen, emigreard út Dokkum. Sels waard er projekt-manager fan in ynstallaasjekonsern, hie op in stuit in lytse tachtich man ûnder him, wie op soms trije projekten tagelyk boupastoar, fertsjinne grou en wie sawat dei en nacht yn 't spier.
‘Op in jûn kaam ik thús - wy wennen op de trettjinde ferdjipping fan in wentoer - en Saap sei: “Ho! It rint dy oer de hege skuon, sa belânest yn't gekkehûs.” It is raar te sizzen, mar doe wie 'k wekker.’