Jûn soene se elkoar opnij tsjinkomme, yn de tunen achter de filla's, op de campings, yn de kafetaria's of oan de rinnende buffetten fan Spring Hill, Holiday, Port Charlotte, West Palm Beach, Miami. Snowbirds krigen hast oeral koarting.
‘Wêrom? Because wy de States strong makke ha.’
De Amerikaan James Wildschut Wilson rôlen de wurden yn linich Frysk-Amerikaans út 'e mûle. Syn twa achternammen draacht er om't er folslein Amerikaans en tagelyk folslein Frysk wêze wol. As jonkje fan seis wie er mids septimber 1924 mei syn heit en mem, fjouwer broerkes en iennichst suske op de boat stapt. Earst mei de molkboat nei Warkum, doe nei Amsterdam, dêrwei mei de Nieuw Amsterdam nei New York en dêrnei noch nei Zeeland-Michigan.
It draaide út op in trageedzje, dy't al begûn by syn pake en beppe Lourens Roelofs Wildschut fan Heech en Aukje Tsjipkes van Netten fan de Gaastmar. Fan harren tsien bern soene fjouwer jonges en likefolle famkes folwoeksen wurde. Net dat it needlot dêrnei de húshâlding sparre, guon oare bern waarden rillegau widdo of widdoman. In pear soannen bleauwen oer om de âlde famyljehelling oer te nimmen. Mar begjin tweintichste ieu waarden der te min aken, tsjalken en jollen úthelle en wie 't wer earmoed. James syn heit Age begûn fan Amearika te dreamen, syn mem Ytsje Lútzens Ykema fan Nijhuzum dreamde op 't lêst mei.
James Wildschut hat de lêste jierren in soad war dien de tsjustere gong fan syn âlden te folgjen. Sa kaam der in âlde foto foar 't ljocht, in soarte fan ôfskiedsfoto, makke oan it Hellingpaad. Yn 'e midden sit in sterke, moedige mem, sa te sjen wer swier fan in bern. Dêrnjonken de heit: net sa jong mear, in grutte snor, lykwols wat twifelriedich nei 't each fan de kamera eagjend. De dochter skean achter de heit dêr't se op liket. Dan noch de fiif jonkjes, yn de troch mem sels makke matroazepakjes. Op har rûne kopkes gjin laits, sels gjin spoar fan in glimke.
‘Fan de reis De Gaastmar-Michigan kin 'k my net folle mear foar de geast helje,’ sei er. ‘Mar ik hie leau 'k wol it benearjende gefoel dat der wat mei heit wie.’
Heit Age siet jûns, wurch fan 't houtfabryk, mei wiete eagen foar him út te stoarjen. Wie it de neiklap fan de Spaanse gryp? Wie