ne. Mar wachtsje even, wy ha dan ommers ek British Open. Golf, dêr mei 'k graach nei sjen.’
‘Klaas syn Fryslân ferwettert al wat,’ stelt Mares fêst.
Wêrom begûn de fokker dy't it yn Skalsum sa yn streken hie, hjir opnij? Yn Fryslân ha famylje, freonen en kollega's wol in ferklearring. Freon en kollega-fokker Boyen de Boer fan Stiens: ‘Klaas hat de mentaliteit fan de Amerikaanse manager, hy kin strategys tinke, kin him konsintreare op de belangrykste punten, sjocht it grutte ferbân, liket it gelok nei syn hân sette te kinnen. Hy wist dat er yn Fryslân slagje koe. En dan komt de rop om in nije útdaging.’
Minne Blanksma, âld buorman en feefokker: ‘Yn Skalsum hied er as fokker yndie wat fan de topsporter dy't it ta goud bringt, dan beide skonken brekt, dan weromkomt en opnij goud wint. En dan sjocht er om him hinne as der ek earne oars noch wat te ferhapstûkjen falt. Klaas krige hjir de kowesykte leucose yn 't beslach. Guon bisten moasten ôfmakke wurde. In fokkersramp, mar Klaas focht werom en segefierde letter opnij. Ik bedoel, it binne net de sleausten dy't it lân ferlitte.’
Ieme Bakker fan Lollum, dêr't er ea in legendarise transaksje mei sleat: ‘Ik hie hjir om 1975 hinne tolve bêstachtige hoklingen, 'k woe ophâlde en Klaas kaam. 't Wie noch sa'n jonge, mar hy bea foar de keppel achttjintûzen gûne. 'k Die 'm op 't lêst gelok. En doe luts er achttjin tûzen-gûne-bryfkes út 'e binnebûse - dat wie doe in fermògen - en sa ried er mei in blos op 'e wangen it hiem ôf. En hy wist better as wa dan ek dat er in gouden slach dien hie. Allinne al dat iene hokling, Feikje, wie 't dûbel en dwers wurdich; mei Feikje hat er de nasjonale top helle. Guon keaplju kinne yn in ko sjen, Klaas kin in ko mei 't bleate each scanne.’
Syn heit, Joris van der Ploeg (90): ‘It wie noch sa'n snotjonkje en hy stie der by doe't ik in ko ferkocht. Noch sjoch ik hoe't it bern nei syn mem stode. ‘O mem, dêr ferkeapet heit my syn alderbêste ko,’ gûlde er, ‘de bêste ko, dat is dochs hartstikken in griis, mem!’ Op ien ein wie dat jonkje.’
Syn mem, molemakkersdochter Aukje van der Ploeg - Westra (89), ôfkomstich fan Frjentsjer: ‘Myn man wie safolle wol bouboer as koweman. En hy wie - hoe sil 'k it ferklearje - hy wie justsjes de sunige kant it neist, dat hy betanke foar 't stamboek. Klaas,