| |
| |
| |
Crescendo
Hindrik Jeens Baron fan Grand Rapids-MI, Noard-Amearika.
De fanfare Crescendo fan Grinzer Pein wie útspile en de maityd wie brutsen. Swijend ferlieten de muzikanten dy jûns it hiem fan it boerespultsje op de Skieding. De húshâlding dy't, steande yn de lege syddoar, de ôfskiedsserenade oanheard hie, gyng noch ien kear yn 'e hûs, al wie it harren hûs net mear. En dêr kaam de heit, dy't de muzyk net oanhearre woe, wer foar 't ljocht. Hy hie de klok stilsetten. No koe it net lang mear duorje of de bus soe komme om harren fuort te bringen.
De jonge fan doe wit net mear wat der yn de oeren fuort dêrnei krekt barde. En hy hat der ek lang gjin weet fan hân wêrom't de muzyk fan Crescendo de heit sa falsk yn de earen klonk; falsker as it raspjen fan de earste seine yn syn lêste Fryske maityd.
De Amerikaan Henry James Baron (1934) goed fyftich jier letter riant wenjend yn Grand Rapids-Michigan, praat net sa faak mear oer dat ôfskied. Mar no't it dizenige en fansiden skode dekor fertellendewei wer skerpere kontoeren krijt, is er wer dat jonkje fan doe: Hindrik fan Jeen Sytses Baron en Afke Hoekstra.
Foardat er der fierder oer op 'e tekst rekket, moatte wy earst mar in slach op 'e motorfyts om syn wenplak Grand Rapids yn Michigan-USA hinne. It is al in wykmennich smoarhjit yn Noard-Amearka. De wyn is lij, de fjilden binne droech, it mais stiet wilich op stannen. ‘Dy frucht komt net folle mear fan op 'e hispel,’ stelt Hindrik Baron fêst. Wy komme in soad boerepleatsen foarby, faak noch bebuorke troch famyljes dy't yn in foarstaach harren earste
| |
| |
lân fan de Yndianen kochten.
Kalamazoo. No binne wy fier genôch út 'e reek. Werom nei de stêd. It is yn 'e neimiddei as wy Grand Rapids wer yn it sicht krije. As goaten fan beton, sa rinne de autowegen oer de foarstêd hinne. Op de ôfritten foar ús krûpe swermen auto's yn 'e huzesee op, mar dyselde see koarret alles ek wer út, want fierderop bliuwe de betonnen bôgen besaaid mei blik op tsjillen.
Foar ús leit in stêd fan goed twahûnderttûzen ynwenners. Yn it súdeasten eaget de bebouwing iepener en griener. Dêr lizze de bûtenwiken mei harren stille leanen, dêr pronkje de stiennen huzen fan de grifformearde grandeur, dêr ferrint it bestean like kalm en konservatyf as rjochtsinnich en republikeins.
Hindrik Baron triuwt de motorfyts yn de iepensteande garaazje, strykt del yn in stoel op 't balkon en besiket nochris by 't begjin te begjinnen. It moat, doe't it korps delkaam, ien fan de lêste, sa net de alderlêste jûn yn Grinzer Pein west ha. Yn in neinacht rûnen se fan 'e Skieding nei de provinsjale dyk. Dêr stie de bus.
Syn earste konklúzje klinkt as in fariant op de earste rigel út it bekroande boek fan de Ierse migrantesoan Frank McCourt, ‘Angela's Ashes’ - ‘De jiske fan ús mem’: ...‘Heit en mem hiene om harsels mar better yn Grinzer Pein bliuwe kind.’ Mar Jeen Sytses Baron en Afke Hindriks Hoekstra namen de stap en doe wie der al gjin werom mear. Harren fiif bern giene fansels mei. Hindrik wie de middelste fan de fiif.
Der wie op 't doarp it ien en 't oar foarfallen dat net oan de Baronnen foarbygie. Yn 'e jierren tweintich, doe't Jeen en Afke de lapen gearsmieten, wie der hoop op bettere tiden. Se wiene sa gelokkich as wat. Mar doe kaam de krisistiid en dy koe gjin genede. Op it stuit dat it wat rommer like te sopjen, rattelen de weinen fan de Dútsers oer de klinkerts fan Grinzer Pein. Der folge in tiid fol ferried. Mannen as de NSB'er Pier Nobach koene ommers ek gjin genede. Jeen Baron, grifformeard âlderling, krûpte net fuort, hy lies Nobach it leksum. Net sûnder grutte risiko's. Sa giene se op it pleatske op 'e Skieding, mei ûnderdûkers en al, troch it each fan 'e nulle.
Mar ek yn Grinzer Pein soene op in goede dei de auto's fan
| |
| |
de Kanadezen troch de buorren dinderje. De befrijing. In nije dei, in nije tiid, it soe heve. Mar yn 't frije Nederlân like alles wol by 't âlde te bliuwen. Wêr bleau de foarútgong? Wêr wie de beloofde ferbettering dan?
Jeen Baron hie as lytse boer en moalkeapman in fin mear as in bears, dat wol. It wie in belêzen mienskipsman, in bestjoerder mei in skerpe pinne, in man ek dêr't muzyk yn siet. As âld-muzikant fan de militêre kapel yn 'e mobilisaasjetiid fan de Earste Wrâldoarloch rjochte er yn Grinzer Pein it kristlike fanfarekorps Crescendo mei op. Baron wie by steat en set hiele stikken muzyk oer en meitsje nije arranzjeminten. Hy koe minsken ynspireare. Sa waard er sels de dirigint.
Dan de grifformearde tsjerke. As âlderling sette er him net allinne yn foar de gemeenteleden, mar ek foar oaren. Yn it Grinzer Pein Anno No prate âlde minsken dy't him dêr kend ha, mei respekt oer Jeen Sytses. Mar hoe giet it gauris op in doarp? Hoe gie it yn dizze jonge mienskip dy't foar in grut part bestie út ûntginners rûnom wei? Hoe gie it yn in nijeftige mienskip dy't mei de iene skonk yn Fryslân en mei de oare yn Grinslân stiet? Wol men elkoar dan altyd ferstean? Och, it foel wol wat ta, mar soms wie it krekt as wie de striid om de posysjes, om de macht, noch net útfochten.
Yn 'e grifformearde tsjerke draaide it yn 'e Pein út op in benearjend konflikt tusken de synodalen en frijmakken. In splitsing wie it gefolch. Alderling Baron bedarre oan 'e kant fan de frijmakken. Dat wie yn 1944. De hiele wrâld stie suver yn 'e brân, dat dit koe der ek noch wol by.
De tsjerkestriid belune wer wat. No ja, op 't skoalplein mochten de ‘bezwaarde’ en ‘synodale’ famkes net yn deselde bôge toudûnsje. Binnen noch gjin jier hiene de ôfskiedene frijmakken harren eigen tsjerkje boud. De splitsing gie as in wetterskieding: in rivier krijt in sydrivier en beide streamen wolle net mear meielkoar te krijen ha. Ek al besteane se by de graasje fan ien en deselde boarne. Doe't fjouwer jier nei de tsjerkeskuorring de húshâlding fan Jeen en Afke it doarp ferliet, wiene fan 't tsjerkekonflikt de skerpste kantsjes wol ôf. Nee, dat kin net de haadoarsaak fan de ôfreis west ha.
Der wie mear dat sear die. Der barde wat dat de lytse boer en
| |
| |
feefoerkeapman djip rekke en oan syn dea ta pleage hat. Earst jierren letter soene de bern der achter komme hoe en wat. De muzyk. Crescendo. Alles hie Jeen Baron foar 't doarp en it korps oer. Foar syn dirigintskip en krewearjen hoegde er gjin sint te barren. It gie him om de ienriedigens yn 't doarp, om de harmonije, de muzikale ûntjouwing fan de jongerein.
De fanfare waard better en better, der waard spile dat it sta sei, dat Crescendo belâne rillegau fan de tredde yn 'e twadde ôfdieling fan it bûn fan kristlike korpsen. Se moasten mar ris wer nei in muzykkonkoers, fûn it bestjoer.
Yn ienriedigens reizge de ploech ôf nei 't konkoers yn Gryptsjerk. Se koene it hiele repertoire hast út 'e kop, sa wie der repeteard. ‘Au Printemps’ oftewol ‘Yn 'e Maityd’, dêr soene se ear mei ynlizze. Hoe ûndergiet in boer, in natoerman dy't in soad yn waar en wyn ferkeart, de maityd fan syn Fryske Wâlden en it Westerkertier? De ynterpretaasje fan Jeen Sytses Baron wie dy fan: earst in ynhâlden krêft, dan in stadich ta bloei kommen, folge troch in suver hast magistrale utering fan libbenskrêft. Hiel Crescendo fielde yn dizze Au Printemps de maityd troch de lea lûken. Se blaasden it stik mei ynmoed.
De útslach fan de sjuery wie ferbjusterjend. De fertolking fan Crescendo wie net dy fan de mannen achter de sjuerytafel, de hearen dy't miskien de maaiesinne noch noait opkommen sjoen hiene. It korps foel út 'e toan en waard ôfskipe mei in tredde ynstee fan in earste priis.
Al op 'e weromreis nei hûs, ja al foar de Grutte Gast, koe in part fan it korpsbestjoer de rêch net mear rjocht hâlde. De hege hearen fan de sjuery soene wol gelyk ha, want sy hiene derfoar leard. Harren profeet fan eigen doarp moast it wol by de ferkearde ein hân ha. En sa waard yn 'e waan fan it momint stikem besletten dat der mar in nije direkteur komme moast. Ien mei diploma's, ien dy't krekt wist hoe't de muzykgelearden it ha woene.
In deimennich letter stjoerde it bestjoer fan Crescendo in ‘afgevaardigde’ nei de Skieding-pleats mei in beslút. Ut namme fan 't bestjoer wie Jeen Sytses Baron ôfsetten. Hy fielde him fernedere en ferret. De wize wêròp, dat die him noch it searste. Nei dy oere soe Jeen Sytses net allinne it dirigearstokje mar ek syn trompet
| |
| |
net mear oanroere. De harmonije wie ferballe. En elk foarjier dêrnei, as yn Wâlden en Westerkertier de natoer him earst noch besocht yn te hâlden mar dan yn in suver hast magistrale utering fan libbenskrêft him sjen en fiele liet, fielde de lytse boer en foerkeapman fan Grinzer Pein it neiskrinen.
Hindrik Jeens Baron begjint op it balkon achter syn hûs oan Burton Street yn Grand Rapids nochris opnij. ‘It wie yn in neinacht, it kin de tritichste maaie 1948 west ha, en wy giene mei ús fiven as bern mei heit en mem it paad del nei de provinsjale wei ta. Der wiene al in pear kistfollen húsried nei Rotterdam foarútstjoerd. Yn ien fan dy kisten sieten foar my en myn broer in trompet en in saksofoan. It die bliken, heit hie flak foar de tiid noch nei Ljouwert west om se te keapjen. Yn Grinzer Pein wie it blazen taboe wurden, mar no soe 't heve. Heit blykte syn eigen trompet ek ynpakt te hawwen. In nij lân, in nije maityd, in nij lûd. Nei Amearika, dêr't alles, it hiele bestean, in nije kâns krije moast.
Emigreare. Wat koe men dêr doe as jonge fan fjirtjin tsjinyn bringe? Op dy leeftyd hat men noch gjin ferlet fan in nij begjin yn in nije wrâld, dan hat men amper woartel sketten. Foar my hie de ôfreis wat ûnferbidliks, mar tagelyk ek wat útdaagjends. Ik leau, ik rûkte nij aventoer. Ik wie krekt op 'e Ulo yn Surhústerfean kommen en no moast ik der fuort al wer ôf, dat wol. En ik siet krekt sa fol fan learen en de sfear op skoalle. Farwol kammeraten, farwol famkes fan Grinzer Pein. As ik oan 'e oare kant fan 'e wrâld mar fierder leare koe, dêr tidige ik op.
It wie de moarns om healwei trijen hinne doe't wy de pleats oan de Skieding ferlieten en ik hearde de kleirop fan in fûgel. It wie de rop dy't my altyd bybliuwe soe. En dêr, samar ynienen, hearde ik mysels sizzen fan: ...‘Never again, never again’... Heit en mem dy't skean foar my rûnen, soene noait wer dit lân werom sjen.
Mem hearde wat ik dêr yn myn alderearste Mulo-Ingels sei, mar it wiene foar har frjemde wurden. Ik fielde har earm, har hân. Ik bleau stean, as woe 'k oanhelle wurde. ‘Kom dan mei!’ rôp ús Sytse dy't de swierste koffer sjoude, ‘de bus stiet al op de grutte wei te wachtsjen.’
It wie de bus fan omke Marten Hoekstra fan Feanwâlden.
| |
| |
De doar fan de bus stie wiid foar ús iepen, mar de motor wie útset. ‘Rotterdam, sjauffeur!’ Heit besocht mei in grapke de spanning te brekken. Hy sette syn koffer op 'e treeplanke, draaide him in healslach om. Yn 't tsjuster riisden de antlitten op fan in pear fan myn skoalmaten. Ynienen seach ik famylje. In pear neven en nichten. Heit stie noch altyd deun foar my. Ik hear him wer lichtjes hymjen. Omke Marten liet him achter 't grutte stjoer sakje, sette de motor oan en de bus siet in stikhinne fol mei minsken dy't ús nei de boat yn Rotterdam brochten.
Wat ik hjir registrear kin wolris net de absolute werklikheid wêze. Yn in heale ieu ferfaagje en ferskowe bylden en fersilje de dialogen. Mar ik wit wol dat wy ier yn 'e moarn troch neare nacht in nije dei temjitte rieden. Der hong in frjemdsoartige spanning yn 'e bus, ik fielde it âlde lân meter foar meter ûnder my troch gliden. Under my wei gliden.
Wat siet der yn myn jaskebûse? O, myn mûlharmoanika. Soe omke Marten, dy't achter it stjoer de fleur der besocht yn te hâlden, my safier krigen ha dat ik spile en de oaren meisongen? Ik wit it ek net mear.
De bylden fan de kade dêr't de boat lei, al dy minsken, it ôfskied dêre; it stiet my dizich foar eagen. Wy belânen op de Veendam fan de Hollân-Amearika-Lijn. It die bliken, heit hie earste klas boekt omdat wy oars pas in healjier letter fuort kinnen hiene. No waard my dúdlik wêrom't wy allegearre ús nijste klean oan hiene. De ytseal. It earste jûnsmiel. Wy waarden allegearre, heit en mem likegoed, suver ferplettere troch de deftigens. Satinen tafelkleden, kristallen glêzen.
Ik sjoch mem wer tsjinoer my oan 'e tafel sitten. By 't skrutene omt ôf lies se sabeare de Frânstalige menukaart. Heit, njonken har yn syn donker pak. Sûnder in sprút skroom eage er om him hinne. Want dat wie heit; it wie in man dy't wist wat er woe en wêr't er yn 't libben stie. Mar hy hold earst wol needrich syn grutte melkershannen ûnder it satyn. It betsjinjend personiel. Se bûgden justjes foar ús. Guon wiene brún fan hûd, sokken hie 'k noch noait yn 't echt sjoen. Se bûgden, wylst se ús ynskonken. Lichtsjes. In soarte fan âlderlingknik. Ik koe 't gefoel mar net by my weikrije dat al dy minsken yn 'e ytseal tochten dat wy net allinne Baron hjitten,
| |
| |
mar ek baron wiene. En us mem mocht dan foar in baronesse oansjoen wêze, mar krekt foar har waard it in aldertreurichste boatreis. Mar ien kear hat it stumper har each oer de Frânstalige menukaart gean litten, doe waard se seesiik. Oan New York ta kaam elke hap dy't se naam der fuortendaalk wer út. Foar har wie it lijen begûn.
Us Sytse wie achttjin jier. Hoe hat hy it allegear ûndergien? Wy hawwe it der noait in soad oer hân. De jonge siet doe al fol fan 't elektrysk, hy hie yn 'e holle in eigen saak yn Fryslân op te setten. En yn syn hert hat er grif net mei wollen, mar hy die it gewoan. Foar ús Lys, de âldste, doe al tweintich jier, moat de emigraasje pynlik west ha. Fan alle bern sieten har woartels it djipst yn 'e Fryske grûn. Dan wiene Grytsje en Marijke der noch, mar dat wiene noch pjutten dy't nergens euvelmoed yn hiene. Sa giene wy fuort: de âldste fan de fiif bern wie tweintich, de jongste amper twa, de heit al oer de fyftich.
Se ferlieten hûs en hiem wylst se amper wisten wat harren hjir te wachtsjen stie. Nei it hiele kompleks fan motiven ha wy heit en mem foarôf net frege, en neitiid hie 't earst net folle sin. It waard in spultsje fan oerlibjen. De fragen komme letter by dy op. En dan moat men foar in part riede nei de djippere achtergrûnen. Mei ús as trije âldste bern is der noait echt iepen oer praat. Dat fan heit en it korps soene wy folle letter te witten komme. Fan oaren. Is sa'n beslút net faak de som fan mear as ien oarsaak? It korps, ja. En de strideraasje yn 'e tsjerke hat miskien noch wat wranteligens jûn. Mar is de waansin fan in oarloch heit ûnder tsjinst yn de Earste Wrâldoarloch soms ek dúdlik wurden? Hy wearzge fan de oarloggen dy't er bewust meimakke hat. Binne heit en mem soms mei fuortgien om harren beide soannen in nije oarloch te besparjen? Fêst stiet dat se ús Sytse net nei Indië ha woene. En dat se nochris hielendal opnij begjinne woene. En dan oan 'e oare kant fan 'e wrâld.
Us mem libbet noch, se wennet, 96 jier âld, yn in âldereinhûs oan de westkust, yn de steat Washington. Har stiet al lang net mear foar de geast wat der doe yn harren omgie, mar ienris haw ik har fersuchtsjen heard: ‘Wy hiene noait De Pein ferlitte moatten.’ Wêrom dan dochs? Seach se yn 'e brieven dy't se fan har twa nichten yn Amearika krige it lân fan dream en winsken? Hoe bot
| |
| |
hawwe it trelit mei Crescendo en de skuorring yn 'e tsjerke har pleage? Mem wie der by as heit ta de nacht út brieven siet te skriuwen oan de teolooch dr. Klaas Schilder, ien fan de breinen achter de ôfskieding fan de frijmakken. Doe't de kûgel troch de tsjerke wie - hast letterlik de kûgel - moast der in rjochter oan te pas komme om út te meitsjen fan wa't no de tsjerke fan de Pein wie en fan wa de pastorij. It wie yn 'e tiid dat freonen feroaren yn fijannen. Us mem, sy hat it oansjen moatten hoe't har man djip fenedere waard toch it korpsbestjoer. Ien fan de gefolgen wie dat er net langer syn muzikale talinten bod jaan koe. Noch wat: mem fielde fansels al gau oan dat yn har beide jonges gjin boer siet. Se woene in oare kant út as de heit, se woene leare.
Wy belânen yn 't noarden fan de steat Washington, net fier fan it doarp Lynden. Earst mei ús allen nei de boer. Sjen de fuotten ûnder 't gat te krijen. Wy troffen in net sa noflik hearskip. In wrede sûplap, oars net. Yn 'e Pein wie heit baas op eigen hiem, no moast er omstean leare. Dy baas, dy't net heal safolle boer wie as hysels en dy't ek net heal sa yntelligint wie as heit, koe oars net as rache en skelle. En as men dan gjin wurd Ingels ferstean kin; dy tiid moat foar heit in obsesje west ha. Gelokkich wie 't der by ús soarte folk goed yndruid: altyd nei jins mindere sjen. Yndie, der wiene guon dy't it noch minder hiene. Oebele Boonstra-en-dy bygelyks, dy húsmannen fierderop yn in ûnderkommen dat amper in hinnehok neamd wurde koe.
Om it Ingels sa gau mooglik foar de slach te krijen, bedarre ik fuort yn 'e achtste klasse fan 'e legere skoalle. Myn honger nei kennis boaze allinne mar oan. Fierder leare, dat wie myn ideaal. Mar heit syn ideaal wie in eigen buorkerij, dat Sytse en ik moasten op 'e buorkerij meihelpe. ‘Earst fertsjinje, earst de fuotten ûnder 't gat! Dan sjogge wy wol fierder.’
Dan set men as jonge fan fjirtjin, fyftjin jier de hoarnen yn 'e polderdyk. ‘Ik wol op skoalle bliuwe en leare!’ ‘Dan moatstû earst meihelpe!’ sei heit. Der is doe tusken ús misbegryp ûntstien. Bist in puber yn in nije wrâld fol ûnwissichheden en dan tinkst net: heit en ik binne lotgenoaten, hy hat my nedich. Yn wêzen moat de man him de earste tiid ferlern field ha. Hy hie de stipe fan syn bern nedich. Der moat by him eangstme bestien ha dat er it oars net
| |
| |
oprêde. It net oprêde, dat wie syn alderlêste.
Earst letter begriep ik goed dat heit my mei grutte tsjinsin fan skoalle ôf helle, earst letter komt men der achter dat in man fan 52 jier eins te âld is om as folksferhuzer in nij libben te begjinnen.
Thús meihelpe, heit helpe, wilens skriftlik de Highschool besykje te heljen, aaien skjinmeitsje by in pikeboer, ûnder 't aaiskjinmeitsjen weromtinke oan Grinzer Pein. Somtiden fielde ik ynienen wer de spanning fan de oarloch, fan de tsjerkestriid. Yn gedachten seach ik hoe't de ûndergrûnsen by fersin de soan fan de NSB'er Pier Nobach deaskeaten ynstee fan Pier sels. Koe dy jonge fan Pier it eins wol helpe dat syn heit sa'n minnen-ien wie? Wie Pier Nobach sa frustrearre rekke nei't er foar de oarloch mei in grutte Cadillac út 'e States weromkommen wie, op eigen doarp de show stiel mar dêrnei net ta kening kroand waard?
As ik dêr yn Washington sa weromtocht oan myn bernejierren, wie 'k in bern mei in ferline. Wat wie der allegearre net yn 'e Pein passeard? Heit hie as âlderling Nobach ferbean nei it Jûnsmiel te kommen. Dat ferbod koe net oars as gefolgen krije. Nobach hie al in pear ôfrekkens regele, no soe heit ek wol gau deasketten wurde. Ik stie te aaiskjinmeitsjen en belibbe opnij hoe't ús húshâlding bûten de tsjerkemienskip kaam te stean en letter wer mei oaren in nije mienskip foarme. Earst hie dy tsjerkeskuorring wat fan in útbanning. 'k Wie krekt tsien jier en op in sneintemoarn fernaam ik hoe't tsjerkfolk dat ús earder sa nei stie, ús no haatlik oan 'e hûd foarby rûn. Mei de holle omheech stapten se nei harren eigen grifformearde tsjerke, en wy toffelen mei noch in stik of fjirtjin húshâldingen nei 't doarpskafee. Want dêr waard in skoftke de tsjerke fan ús as ‘bezwaarden’ holden. Under 't bidden hearde ik bûten de bern gekoanstekkerich roppen fan ‘Van de kerk naar de kroeg, van de kerk naar de kroeg!’ Guon skoaljonges wiene fan de iene dei op de oare yn haatlike fijannen feroare. Hoe koe dat allegearre? Wy hiene dochs allegearre deselde God?
Der stie yn Washington foar de frijmakke grifformearden fansels fuortendaalk in eigen tsjerkje klear, mar heit sleat him mei de hiele húshâlding wer oan by de grifformearde Christian Reformed Church. Troch de frijmakke emigranten waard er no as in ferrieder sjoen. Dochs hie de kar syn logika: yn de Christian Refor- | |
| |
med Church hie men ommers noait strideraasjes hân dy't wol liede moasten ta in skuorring. Hjir bestie noch heit syn tsjerke-ideaal: ‘ien gewoane grifformearde mienskip’. In bewiis dat de skuorring yn Grinzer Pein him in grouwel west hat.
Sytse wie wilens njoggentjin jier. ’Ik wol heit út en troch bêst helpe,’ sei er op in goeie dei, ’mar ik gean fansels wol myn eigen wegen!’ Tsjin de wil fan Sytse wie heit al net mear opwoeksen. Syn âldste soan moast er loslitte. Sytse troude net lang dêrnei mei in emigrantedochter fan Frysk komôf út 'e omkriten fan Lynden en soe in earsteklas sakeman wurde.
En dan ús Lys. Doe't se yn 'e Pein sechstjin wie, hie heit djip yn har bestean yngrypt troch persoanlik har ferkearing mei in ‘synodale’ jonge út te meitsjen. Heit kaam gewoan op in jûn yn 'e hûs en sei: ‘Lys, dyn ferkearing is út!’ Sa leine doe de ferhâldingen. Se ferloofde har dêrnei rillegau mei in oarenien dy't har letter achternei nei Amearika komme soe. Har namme wie feroare yn Betty. De twa jongsten, Gryt en Marijke hawwe amper lêst hân fan losskuorde woartels.
Heit helpe, by de boer, fan myn fyftjinde oan myn achttjinde jier ta. Alle dagen moat ik itselde field ha: de buorkerij is net myn takomst. Undertusken kaam heit wol tichter en tichter by syn eindoel fan in eigen pleats. Hy rekke yn kontakt mei in jurist mei buorkerij dêr't er op fifty-fifty-basis mei fierder gie: hy en dy man elk de helte fan de winst. Fansels, der waard noch wer op myn meiwurking rekkene. It partnerskip draaide út op in finansjeel fiasko, want der kaam sykte yn 't beslach fee. Ynstee fan winst wie der in ferlies te ferpartsjen.
Heit wie de man der net nei en lit it gau sitte. It duorre net lang, doe hierde er in pleats. No koe er syn fakmanskip fersulverje. No buorke er foarút. Ik moat sizze, heit hie each foar in ko! It duorre net lang, doe hiene wy wer in knap beslach fee. Wat in ferromming moat dat foar heit en mem betsjutten ha. Foar my ek trouwens, want ik krige de romte om mear yn 'e boeken om te sneupen. Ik fûn yn de stêd Bellingham in baantsje yn in winkel om der wat by te fertsjinjen.
No kaam der ek mear fleur yn 'e húshâlding. Net dat it oait safier kommen is dat der in konsert foar twa trompetten en in sak- | |
| |
sofoan jûn wurde koe, mar ik hearde ûnder iten heit en mem de wurden ‘ris op hûs oan’ en ‘Grinzer Pein’ útsprekken. Se prakkesearden der dus oer om in trip nei 't âlde lân te meitsjen.
Seis Amerikaanse jierren sieten der op. Drege jierren foar ús allegearre. Mar wilens fleagen wy al net mear de postman temjitte as dy oansetten kaam mei it yllustrearre wykblêd De Spiegel. Safier wiene wy al yntegrearre. Ik hie 't trouwens smoardrok krigen mei myn skriftlike stúdzje en it jeugdwurk fan de tsjerke.
Ik tidige der op dat it Amerikaanse leger foar my in springplanke nei de takomst wêze koe. Sietst yn 't leger, dan betelle de oerheid dyn stúdzjes. Dat ik joech my op as frijwilliger. Der kaam wat by: stel dat se my as militêr nei Dútslân stjoere soene, dan siet der ek noch in útstapke yn nei Grinzer Pein. Wie it briefkjen mei de Fryske freondintsjes útdraaid op ûnwennigens? Ik wit net, it gyng my as it beamke dat net oer de frjemdsoarte grûn kin dêr't it yn oerplante is.
Hoe't ik ek behurde wie yn 't swiere wurk op 'e buorkerij, tidens de drege oplieding yn Ford Ord yn Kalifornië ha 'k my ferklomje litten. It draaide út op tbc. Nei it militêre hospitaal fan Denver, trochstjoerd nei it Veterans Hospital fan Portland. Doe't ik wer by de wâl opklautere mar noch net oan it wurk koe, haw ik mei beide hannen de kâns oangrypt om de stúdzje te dwaan dêr't ik al dy jierren op longere hie. De Western Washington University fan Bellingham, dat wie myn doel. Fansels easken se fan my wol in talittingseksamen. Ik sette de hûd der op en slagge.
De âldelju hiene no in eigen pleats en buorken moai foarút. Tè moai? Op in moarntiid - heit wie op 't hiem oan 't wurk - waard er ynienen net goed. It wiisde mâl. De dokter dy't letter net in echte dokter mar in kwaksalver bliek te wêzen, stelde in folslein ferkearde diagnoaze. Sechstjin oeren letter stoar ús heit, 59 jier âld, oan in blokkade yn 'e termen.
De leadswiere opdracht, dêr't heit himsels en syn húshâlding foar steld hie, wie noch net ôf. Syn thúsreis gie oer. Doe, yn dy lêste oeren, die bliken dat wy elkoar hiel nei stiene. Hy wist it, syn Thúsreis gie troch.
Dêr siet de mem dy't altyd syn kant keazen hie, dy't as in mem de húshâlding troch de stoarmen nei it nij en ûnwis en dreech
| |
| |
bestean laat hie. Ik kaam foar de fraach te stean - it dilemma hast - oft ik dan dochs mar as opfolger fan heit fierder buorkje moast. Mar elkenien seach wol yn dat dat net in rjochtfeardige fraach wie. Dat de pleats waard ferkocht. De lânbouprizen wiene op dat stuit net al te heech, mar fan de opbringst koe mem in kreaze wenning yn Lynden keapje. Marijke - de jongste - wie noch mar njoggen, dat mem hat noch jierren foar de húshâlding de kost fertsjinje moatten. Se tsjinne yn it fersoargingshûs Lynden Christian Rest Home, dêr't se no sels fersoarge wurdt.
Op de universiteit yn Bellingham kaam ik fierder yn kontakt mei Shakespeare en de Amerikaanse literatuer. En mei de genetika, it fak dat my sa fassinearre. Ik studearre ôf, troude mei Ruth Bosman fan wa't de pake in ymmigrant út Seelân wie, waard de heit yn in moaie húshâlding, helle yn Illinois de doktorsgraad yn de Ingelse taal, bin hjir no professor oan Calvin College yn Grand Rapids.
It koe net útbliuwe, myn never again fan doe moast ris útdraaie op in come-back. Ik rûn werom oer it paad nei de Skieding, it paad dat no smeller en koarter wie as yn dy neinacht doe't der in swiere tekken fan dauwe oer it lân lei. Healwei it pleatske hold ik ho. Ik rûkte hea sa't ik it yn jierren net rûkt hie. De fûgel dy't my eartiids sa drôvich neiroppen hie, liet him net mear hearre. No galmen my allinne noch wat flarden fan in steatlik spile koraal troch de holle. Sa draaide ik my om en myn each foel op heit. Hy stie yn 'e foarkeamer en stoarre ta it finster út. Fierderop, by de syddoar, spile it korps. Mei de hannen foar de earen stie er dêr, en foar 't lêst seach er nei syn kampke lân en it fee dat net mear fan him wie. It wie yn in ferskriklik crescendo sa't de klok de lêste oere fuorttikke.’
|
|