wat. It boek fan Smit slút eksakt oan by Piebenga syn foarkar: ‘Faasje, spanning, humor, geweld, wat seks, wat jakkerij yn auto's, koartom, in roman dy't foar my skreaun wêze koe. Ik haw him dan ek yn ien sike út lêzen, en oan 'e ein moast ik dan ek nochris in kear tajaan, dat de plot aardich wie, de psychology net al te gek. Neffens myn mjitstêven fan wat in detektive heart te wêzen dus in skot yn 'e roas’ (Het Vrije Volk, 15.11.68).
Marten Sikkema is tige te sprekken oer it boek. ‘Spannend, geastich, yntelligint’ lit er as kop boppe syn besprek sette. ‘Der wurde yn it Frysk tsjintwurdich, en benammen sûnt de paper-back-rige fan 'e grûn kommen is dêr't ek Wês foarsichtich, Watse! diel fan útmakket, romans skreaun dy't meidwaan kinne. It is almeast sa, dat de skriuwer syn lêzers earne fan oertsjûgje wol en dêrom wurket mei swiere toanen. By dit boek fan Jo Smit leit dat folslein oars: it hat as basis in knappe, fyn-ynleine konstruksje, mar it is alhiel spontaan skreaun en it is oertsjûgjend, krekt om't it gjin pretinsjes hat. Wa't ta ûntspanning in boek lêze wol, moat Wês foarsichtich, Watse! yn hannen nimme; wa't it om spanning te rêden is, moat itselde dwaan; en wa't wat lêze wol dêr't gâns mear ynsit as op it earste gesicht liket, kin itselde oanret wurde! De foarskiednis fan dit boek, de oanlieding ta it skriuwen, is al nijsgjirrich; mar it boek sels is noch helte nijsgjirriger. Yn it Frysk is it in genre en in klasse apart’ (Leeuwarder Courant, 23.11.68).
Foar Trinus Riemersma is Wês foarsichtich, Watse! benammen in boek fan grappen en potsen. De skriuwer hat mei opsetsin allerhande grappen betocht, mar oan 'e oare kânt komt it Riemersma foar dat it Smit ek wat út 'e hân rûn is. De oarsaak dêrfan liket him te wêzen dat Smit syn foarbyld - neffens him is dat Spillane - net serieus nimt, mar him der likemin tsjin ôf set: ‘Jo Smit liket him skoalle te hawwen oan 'e wreedaardige detektives fan Mickey Spillane en syn neifolgers. Wês foarsichtich, Watse! is lykas Spillane syn romans fastmoving en hardboiled, it optreden fan Watse is bytiden like ûnetysk en ûnestetysk as Mike Hammer, de detektive fan Spillane, sines, de “metoade” fan Watse