Wês foarsichtich, Watse
(2000)–Jo Smit– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 142]
| |
hat. Sûnt hat it sjenre in grutte bloei trochmakke en nei de Twadde Wrâldoarloch is it ek yn Fryslân húsriem wurden. Misdiedliteratuer heart ta de meast lêzen literatuer en op 'e tillevyzje binne ornaris alle jûnen wol twa of mear krimis of skrillers te sjen. De earste detektiveromans binne saneamde ‘whodunits’, sintraal stiet de fraach wa't de misdied begien hat. De speurder besiket troch allerhande oanwizingen te sammeljen en troch minsken te ferhearen der efter te kommen hoe't de misdied him tadroegen hat en wa't him op syn gewisse ha moat. Dit type wurdt ek wol de deduksjeroman neamd, it giet om it oplossen fan in puzel. Benammen yn Ingelân komt dit type ta bloei. Der wurde sa njonkenlytsen regels oan dit type detektive-roman steld: de oplossing moat fia logysk redenearjen ta stân komme, de detektive mei net troch lokkich tafal holpen wurde, der meie gjin boppenatuerlike oplossingen yn foarkomme, der meie gjin idintike twillingen, ûnbekende gifsoarten of Sinezen yn foarkomme, de dieder mei net in beropsmisdiediger wêze, de dieder moat út itselde milieu komme as de oare fertochten, de motiven fan 'e dieder moatte altyd persoanlik wêze, it moat yn it ferhaal inkeld gean om it oplossen fan 'e puzel en der meie gjin ynbêde leafdesferhalen yn foarkomme. It seit himsels dat it detektiveferhaal op sa'n manier wol tige slim yn it kesjet reaun wurdt en dat heapen misdieden har nèt liene as stof foar sa'n roman. Oarssein: dit type detektiveferhaal krijt, om't it net út 'e folle werklikheid gripe kin, wat keunstmjittichs oer him. Yn 'e tweintiger jierren komt der yn Amearika in generaasje skriuwers nei foaren dy't him ôfset tsjin it ‘Ingelske’ type detektiveferhaal en tagelyk oanslute wol by de realiteit fan 'e misdied sa't dy him yn har lân manifestearret. It is de tiid fan 'e misdied-syndikaten mei har striid tsjin 'e plysje en likwidaasjes yn eigen rûnten en dy foarm fan misdiedigens meitsje de jonge Amerikaanske skriuwers ta dekôr fan har detektiveferhalen. It is dúdlik dat men op sa'n manear in heel oar type detektive-roman krijt. De misdiediger hannelt net út eigen belang, mar yn | |
[pagina 143]
| |
it belang fan 'e misdiedige organisaasje, de misdied stiet net op himsels, mar is ûnderdeel fan in misdiedige aksjerige, de detektive is net mear de superieure yntellektueel dy't koel-ferstanlik de misdied oplost, mar hy wurdt de bestrider fan kriminaliteit. Minder deduksje, mear aksje: ‘fastmoving and hardboiled’. En seks is net langer taboe. Troch de Jeropeanen is dit nije Amerikaanske type, dat ik oanslutend by Dautzenberg oantsjut as de skriller, lange tiid mei in skalk each besjoen. Faaks komt dat benammen troch de ûntspoaringen fan it type. In man as Mickey Spillane hat it type op in kweanamme brocht. Syn detektive, Mike Hammer, is uterst rjochts, seksistysk en hy hat in hekel oan joaden en negers. Hammer ûntrint de kriminelen dy't er bestriidt eigentlik yn neat, útsein dat er foar de gerjochtichheid hyt te striden. Men krijt dus yn 'e skriller oare misdiedigers, oare misdieden, oare speurders en oare foarfallen. It nijsgjirrige is dat it skema fan 'e hanlingen ek feroaret. De literatuerwittenskip hat him net bot dwaande holden mei de misdiedliteratuer, mar ik bin dochs ris tsjin in aardich artikel (Over ‘geschiedenis’ en ‘fabel’ als objekt van de literatuurwetenschap, Spektator jg. 9 (1979-80), 26-37) fan J.A. Dautzenberg oanrûn, in man dy't sa'n fyftjin oant tweintich jier lyn in tal fernimstige artikels oer de narratology en de sjenrelear skreaun hat. Dautzenberg brûkt it detektiveferhaal allinnich as yllústraasje fan syn betooch, mar wat er seit is likegoed ynljochtsjend. Yn 'e echte deduksjeroman is de misdiedige aksje ôfrûn as it ferhaal begjint. It ferhaal set út ein mei de aksjes fan 'e speurder, hy besiket út te finen hoe't de moard - dêr giet it ornaris om - begien is, mei hokker soarte wapen, wat it motyf wêze kin, watfoar spoaren der te finen binne, wa't as mooglike dieders yn 'e beneaming komme, ensafuorthinne. De roman komt op dy manear út twa parten te bestean: de aksjes fan 'e speurder en de (rekonstruearre) aksjes fan 'e dieder. Der kin noch in tredde elemint oan bod komme. As de dieder nammentlik bang is dat de speurder him te ticht op 'e hûd komt, kin dy besykje om spoaren | |
[pagina 144]
| |
te fertsjusteremoanjen of falske spoaren te lizzen. Dat tredde elemint is ûnderskikt en gauris ôfwêzich. Boppedat is it in útlokke hanling en gjin autonomen. Yn 'e ‘ideale’ deduksjeroman komt dat tredde elemint helendal net foar. Yn 'e skriller is de aksje fan 'e speurder en de rekonstruksje fan 'e misdied part fan in grutter geheel. De misdiedige aksje stiet net op himsels, mar is ûnderdeel fan in rige aksjes fan in kriminele organisaasje. Dat hâldt yn dat dy organisaasje, wylst it ûndersyk fan 'e speurder geande is, trochgiet mei lyksoartige of oarsoartige misdieden. Teffens binne de útlokke tsjinhanlingen, dy't ta doel ha om de speurder op in dwylspoar te bringen of tsjin te wurkjen, hjir altiten oanwêzich en sels tige prominint. De speurder bedriget ommers de hele kriminele organisaasje, mei it ûntdekken fan 'e tadracht fan dy iene misdied kin er folle mear op it spoar komme. De hanling bestiet dan ek út fjouwer parten: de aksjes fan 'e speurder, de (rekonstruearre) aksjes fan 'e misdiediger, de tsjinsetten fan 'e misdiedige organisaasje en de autonome fuortsetting fan 'e rige misdieden. Lit ús no Wês foarsichtich, Watse! nochris besjen. Op it skrillertype wize it feit dat Watse net de koele analitikus is, mar in man dy't him persoanlik belutsen field by de misdied en de misdiedigers sjucht as syn persoanlike fijannen. Ek it feit dat er begjint mei aksjes om de misdiedigers út har tint te lokjen, wiist dêr op. Fierders it feit dat de moard op Charlotte en Saling net op himsels stiet, mar ûnderdeel is fan in rige misdiedige aksjes. In negative oanwizing is dat Watse him net bot mei dedusearjen dwaande hâldt. Hy freget syn freon Jorrema bygelyks net oft er de prosessen-ferbaal ynsjen mei, hy freget likemin oft er Charlotte har hûs ris besjen mei. It oplossen fan 'e puzel is eins frijwat bykomstich yn dit ferhaal. Folle spektakulêrder binne de tsjinaksjes fan 'e binde om him Watse fan 'e hûd te hâlden, ek al wer in skrillerelemint. Mar wat mist om der in echte skriller fan te meitsjen, is de autonome fuortsetting fan 'e rige misdiedige aksjes dy't ta doel ha om de organisaasje mear macht en jild te besoargjen, syn | |
[pagina 145]
| |
greep op 'e maatskippij te ferstevigjen ensafuorthinne. De aksjes fan 'e binde, foarsafier't wy dêr as lêzers fan fernimme, binne inkeld fan it útlokke soarte, bedoeld om de eardere misdied te fertsjusteremoanjen. Saling en Charlotte wurde deamakke om't se wat op it spoar wienen, Durk wurdt deamakke om't er tefolle fan 'e binde wit en by einsluten sil Watse ek deamakke wurde om't er de binde te tient oan 'e lea komt. Net-skrillereftich is by einsluten dat de hele binde arrestearre wurdt. Fansels wize de humor en de kolder ek net op in skriller, mar eins likemin op in deduksjeroman, al soenen se dêr better passe. By de skriller giet it om ferwoesten striid mei de misdied, in striid dêr't men wolris in inkeld súkseske yn behelje kin, mar dy't net te winnen is. |
|