skjirre krige en Nanne fertelt oer syn kollega-kenneleigner en oer de hûn Kazan. Minder wichtige binnenfertellers binne Jorrema, Keimpe en Geldau. Jorrema fertelt oer it plysjeûndersyk nei de dea fan Charlotte en Saling, Keimpe fertelt hoe't er him troch de binde ferrifelje litten hat en Geldau fertelt dat sy de plysje skille hat doe't Watse op 'e nij troch de smjunten finzen nommen wie. Mei help fan dy binnenfertellers is it tagelyk mooglik om formeel de kronology yn wêzen te litten. De ynformaasje fan de binnenfertellers wurdt ridlik natuerlik yn it petear ynflechte. Inkeld de meidelingen fan Durk en Geldau smite te lange monologen op.
In oar probleem is dat as in tal opienfolgjende dagen fan begjin oant ein beskreaun wurdt, der al dy dagen ek genôch barre moat dat de muoite fan it f erteilen wurdich is. Dat is net it gefal. Allinnich de sneons, de tiisdeis en de woansdeis binne der foldwaande spannende avontoeren. De sneins bart der eins neat dat foar de fuortgong fan it ferhaal needsaaklik is. It pak op 'e bealich dat Watse Rinus jout, liket faaks de oarsaak fan Rinus syn erchtinken en syn warskôging om Watse te skaadzjen te wêzen, mar feitliks hie de binde Watse sneontejûn al op 'e kuer. Dat Rinus as lieder fan 'e binde dêr grif neat fan ôf wit, wiist op in minne organisaasje. De moandei is ek wat in ferlerne dei. It iennich belangrike is dat Watse efter de idintiteit fan Durk Visser komt. Dy beide dagen binne mar in lyts tal siden taparte, en dat leit foar de hân, mar it makket de komposysje der net lykwichtiger op.
It feit dochs dat de aksjerige te meager is om in avontoere-ferhaal fan 160 siden te dragen, makket dat der in soad ‘opfolmateriaal’ yn 'e skiednis befrissele wurde moat. De moetingen en petearen mei Sibrich en Trude en dy mei Nanne in stikhinne drage te min by ta de fuortgong fan it ferhaal.