buorlju en hy hat in oanfaring mei twa kearels dy't grif de eftertún fan Charlotte, de hoer, bewekje. De jûns nei iten set Watse syn speurtocht fuort en hy wurdt dan op 'e kuer holden en efterfolge troch wat grif bendeleden binne. Hy giet nei hûs om in slokje en set letter nei in bordeel ta. Dêr treft er in hoer, Lena, dy't him helpe wol om in goekunde fan Charlotte op te spoaren.
De sneins komt Watse net folle fierder. It foarnaamste wat er útheeft is dat er de jûns let Rinus Tiemersma in pak op 'e hûd jout.
De moandeis giet Watse op 'e nij nei Huzum om de buorlju te ûnderfreegjen, mar hy wurdt neat wizer. Dêrwei set er nei Lena ta, dy't yntusken de goekunde fan Charlotte opspoard hat, in Baafke. Baafke fertelt dat in man Charlotte holpen hat mei jild foar it hûs. It docht bliken Durk Visser te wêzen, in man dy't ferslaafd is. De jûns siket Watse om Durk, mar hy fynt him net.
Tiisdei. Watse treft Durk Visser thús. De man is skitende benaud fan de bindeleden en doar neat te fertellen. Earst as Watse him in ûnderdûkplak taseit, pakt Durk út. Hy is in freon fan Charlotte har heit en sadwaande hie er noch wat kontakt mei har. Hy hat har holpen troch har mei in man yn kontakt te bringen dy't har skewiele koe mei jild. Mar fan dat stuit ôf siet Charlotte oan 'e binde fêst. Watse bringt Durk nei Twellegea, dêr't er by Keimpe ûnderdûke kin. Op 'e weromreis besykje fjouwer man yn in auto om Watse klem te riden, mar Watse reaget se fan 'e dyk ôf. De middeis lêst Watse wat (âlde) artikels fan Rinus. Him tinkt dat se frjemd yninoar stekke. Hy freget plysjeman Jorrema om in pear nammen foar him nei te gean. De jûns set Watse nei buorman Jakobs, dy't him net helpe kin mei ynformaasje.
De woansdeitemoarns komt Geldau mei it lêste nûmer fan ‘It Nachtblêd’. Watse trochsjucht ynienen de koade dy't Rinus brûkt. Hy jakkert nei Twellegea, mar komt te let: Durk is dea en Keimpe leit bûten westen oer it hiem. Watse nimt in boarrel en dripket dêr wat guod yn út in fleske dúr't Angustora op stiet. Dat is in probaat middel tsjin 'e kjeld, mient er, mar hy rekket derfan yn 'e sûs. Hy komt by yn it sikehûs te Snits en is daliks wer fol aksje. Hy sjucht even by Keimpe, dy't dêr ek leit en riidt