III is feroare yn IV. In kear of fjouwer is yn 'e marzje neist de streek ‘Ruimte’ skreaun. Wêrom't dy korrektor net by it begjin fan it manuskript begûn is mei de ûnderferdeling oan te bringen, is ûndúdlik.
It typoskript is heel wat yn feroare, mar eigentlik allinnich op syntaktysk-stylistysk mêd. Nijsgjirrich is dat hjir ek topografyske oantsjuttingen wizige binne. As Watse op tiisdei efterfolge wurdt, wurde yn it manuskript nammen neamd as de Blauwe Tint en de Trije Romers. Dy besteande nammen binne no ferfongen troch fantasynammen.
Yn it typoskript binne de haadstiktitels letter taheakke, mei de hân skreaun op efterkanten fan vara-tillevyzjepapieren. Dat by it oertikjen stienen de haadstiktitels noch net ienris fêst, soe men ornearje.
De ûnderferdeling is meastepart sa't dy no yn it boek is. De parten begjinne op in nij blêd of, twakear mar, nei in wytrigel. De romeinske sifers binne net typt, mar mei de hân oanbrocht. It hat derfan dat soks op it alderlêste momint bard is. Der binne ek sifers set op plakken dêr't by it typen gjin rûmte holden wie, te witten sneon II en V, snein II en III, moandei II en III, tiisdei II en IV.
Op in stikmannich plakken haw ik de boektekst ferlike mei it typoskript. Der binne my gjin wizigingen opfallen.