Wês foarsichtich, Watse
(2000)–Jo Smit– Auteursrechtelijk beschermdDe oanliedingYn jannewaris 1968 publisearre Trinus Riemersma yn De Tsjerne in ferhaal oer in Dútske hoeder dy't earst de klant fan syn bazin, dat in prostituee wie, deabiet en dêrnei it minske sels. De hûn, sa | |
[pagina 137]
| |
woe it ferhaal, werkende syn bazin net om't se neaken wie. It wie bedoeld as in grappich ferhaal: in Dútske hoeder hoedet de goede seden en straft it kwea ôf. Mar Jo Smit seach de grap der net fan yn - hoe soe in hûn syn neakene frou net werkenne? In hûn giet op 'e rook ôf, net op it each. Om dúdlik te meitsjen wat him wier ôfspile hie, skreau Smit in detektiveferhaal. It skriuwen fan in flot en lichtfuottich ferhaal wie tagelyk in reaksje op it moannenlang sekuer bestudearjen en hifkjen fan 'e Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldoarloch, dêr't Smit fan 'e Tsjerne-redaksje in opdracht ta krigen hie. |
|