Yn 1966 ferskynde as bysûnder nûmer fan it literêre tydskrift De Tsjerne in toaneelstik mei de titel Happening - De Vries. Twa jier letter folge de detektiveroman Wês foarsichtich, Watse! en yn 1970 kaam er mei in samling biljertgedichten Stôk en ballen, dêr't er ûnderskate besteande Fryske teksten yn parodiearre.
Yn 1991, koart foar syn dea, kaam der in werprinting út fan in kar út Bisten en boargers en út oare, net earder bondele, ferhalen, ûnder de titel De bêste Fryske ferhalen fan Jo Smit.
Op it krityske mêd hat Smit net tige warber west. Hy hat te hea en te gers wol resinsjes skreaun, mar dat stelt kwantitatyf net folle foar. It wichtichste wurk op dat terrein is syn oersjuch fan De Fryske literatuer 1945-1967, ferskynd yn De Tsjerne fan 1968.
Tige belangryk, belangriker grif noch as syn skeppend wurk, binne de essees dy't er fan 1959 oant 1968 publisearre hat. It giet om in lytse tsien teksten dêr't er yn besiket om de essinsje fan 'e moderne literatuer en it plak dêrfan yn 'e mienskip op it spoar te kommen. Der hat yn de lêste helte fan dizze ieu net in oare skriuwer yn Fryslân west mei sa'n djip ferstean fan 'e eigentiidske avantgardistyske tendinzen. It is yn 'e resepsjeskiednis grif heiendal weiwurden, mar Smit hat de Gysbert Japicxpriis èk krigen foar dit essayistyske wurk, fansels foarsafier't it publisearre wie yn de perioade dêr't de priistakenning betrekking op hie, 1959-1962.