Wês foarsichtich, Watse
(2000)–Jo Smit– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 121]
| |
IDe moarns betiid al wiene der ferpleechsters. Ik liet mar wat mei my ompankoekje, mar doe't hja klear wiene frege ik al om my wat oerein te hysjen en my in pear kjessens yn 'e rêch te setten. Dat hong der yn earst; it koe net, seine de froulju, want it wie net wis oft ik gjin harsenskodding hie. Ik hie al myn belêzingstaktyk nedich om it safier te krijen, mar it gie oan, al wie ien fan de twa der poer op tsjin, murk ik wol. ‘As jimme my no ek noch wat bringe koene te iten, dan wie it hielendal in wûnder,’ sei ik, mar ik lies it negative andert al op it gesicht fan de iene ferpleechster, dat ik sei der fuort efteroan: ‘Ik moat wachtsje fansels, oant it safier is. Alles giet hjir op oere en tiid. Dat wit ik wol, dêr kinne jim neat oan dwaan, mar fergemy, ik haw juster de hiele dei neat hân, oars net as oardel brochje. No ja, ek noch in wan bruien, mar it wie al mei al net in diëet dêr't in man fan myn bestean it lang by úthâldt. Is der no wier neat te finen? Ik ûnthjit jimme, as se aanst mei de breawein komme, dan doch ik wer gewoan mei, hear.’ It iene susterke kaam even letter wer om 'e hoeke mei in panfol brij op in bledsje. ‘Ik bin bang dat dit jo kost net is, menhear Van der Laan, mar dan hawwe jo dochs wat yn 'e mage,’ sei se glimkjend. Om earlik te wêzen, nee, it wie myn kost net. Tsjûke maizenabrij, en wol sa mjitsk. Mar it leave bern hie gelyk, ik hie wer wat yn 'e mage en ik fielde my in oar en in better minske doe't de panne leech wie. Ik liet de fuotten bûten it bêd sakje en liet se wat | |
[pagina 122]
| |
hin en wer bongelje en even letter besocht ik ris oft ik stean koe njonken it bêd. De lea wie my stikken, alles die my sear, foaral doe't ik besocht in kuierke troch de keamer te meitsjen. En de holle bûnze my ek noch tefolle, dat nei in earste oefening socht ik it bêd wer op. Doe't de offisjele moarnsbrogge kaam foel dy der tige yn en dêrnei slagge de twade oefening gâns better. En wa stapte dêr in bytsje foar achten de keamer yn? ‘Trude, hie 'k n't tocht,’ sei ik. Hja seach my ûndersykjend oan en dat gjin niget, want ik hie mysels krekt ris besjoen yn 'e spegel. No, dat wie net bêst; myn hiele kop siet sawat bewuolle yn 'e wynsels. ‘Menhear Van der Laan?’ frege hja wifeljend. ‘Deselde,’ sei ik. ‘Watse, al bin ik dan no yn fermomming. Do sjochst Trude, ik bin der al moai gau wer.’ ‘Ja, jo binne it dus al,’ sei hja, ‘mar ik bin hjir Suster Rollema hear, tink derom. Jo binne no pasjint.’ ‘Ik pasjint?! Ik woe dy wizer hawwe, Trude. Allinne om dy wer sjen te kinnen bin ik hjir yn dizze fermomming binnen kommen. Mar aanst set Watse wer ôf, hear. Ik wit wol, ik haw dy tasein dat ik wat langer komme soe, mar dat haw ik hjoed noch net oan tiid, wier net. Ik bin bliid datst der biste Trude, wolst my even helpe om dizze momkape fan myn holle ôf te heljen? It liket sa mâl no?’ Mar ik koe lipe of pipe, dat woe hja net. Hja koe dat net dwaan, sei se, want se wurke hielendal net op dizze ôfdieling. Mar se hie fan 'e moarn oan 'e breatafel oer my praten heard, en doe hie se, ûnderweis nei de poliklinyk even kwânskwiis om 'e hoeke sjoen. Hja koe it net dwaan, sei se, en dêr bleau se by. Doe't hja fuort wie sneupte ik ris yn 'e kast en fûn dêre in soarte fan ferbânbakje, mar dêr lei ek gjin skjirre yn. Doe besocht ik foar de spegel te sjen wêr't it wynsel ophâlde. Ik fûn de ein en besocht doe mei de iene frije hân dy hiele brol fan 'e kop te winen. It foel net ta, mar ik rêde it; der giene in pear gaaskes mei, der bleauwen ek noch in pear sitten. Doe't ik dy der ek ôfklaud hie beseach ik myn holle nochris goed foar de spegel. | |
[pagina 123]
| |
No, tocht ik, ik kin my skoan yntinke dat se der mar wat lappeboel omhinne wuolle hawwe, want foar jins plezier besjocht men dit net. It rôze, dêr't ik oars moarns suver mei nocht de skearkwast op set, wie alhiel weiwurden yn in abstrakte skildering fan gemiene kleuren: blau en giel en grien foaral. It burd hie him dêrtroch net wjerhâlde litten en woechs der fiis en Stoppelich trochhinne, behalven op dy plakken dy't glei en read wiene. Op ien plak, dêr't ik niis it gaaske wat fûl ôfskuord hie, blette it. Nuvere bûden fertoanden har dêr't hja net hearden en it iene ear like wol in wilich koalsblêd. Der kaam wer in oar susterke yn. ‘Harrejennich, man wat sjogge jo derút,’ rôp hja kjel, ‘mar menhear, hawwe jo no sels...’ ‘Ja, dat haw ik samar sels dien,’ fertroude ik har ta. ‘It is it besjen wol wurdich, fine jo net? Yn in panoptikum soe men der jild foar freegje, en mei ik dat dan ûnder de nôtmjitte hâlde? Nee, sis no sels, dat mei net.’ Hja wie grif noch net sa bot yn it sâlt bebiten en wist net wat hja dermei oan moast. ‘It stiet healwiis, no,’ holp ik har, ‘mar wier, ik haw dit net út frije wil. Ik wol bêst wer in oare kop hawwe. Sis, kinne jo my net in bytsje helpe?’ Hja stie wat twivelriedich te sjen. ‘Kinne jo suster Rollema net even freegje om hjir te kommen,’ frege ik hoopfol. ‘Suster Rollema, fan de poliklinyk?’ frege hja mei alle ûntsach fan de earstejiers. ‘Ja, dat is in nicht fan my, dy wit hoe't ik der yn wierheid útsjoch. Miskien dat jimme der tegearre wol wer fatsoen yn krije kinne.’ Wrychtich it slagge om Trude der by te krijen en dy seach al sa raar. ‘Fijn,’ sei se, ‘datst in neef bist, dan kin ik dy teminsten de hûd folskelle as it sa útkomt.’ ‘Kom no, ik wol net útskeld wurde. Ik haw folle mear ferlet fan in dikke tút. Mar ja, ik jou it ta, dit is gjin troanje om te tútsjen.’ | |
[pagina 124]
| |
Hja huvere al by de tins seach ik wol. ‘Trude leave,’ sei ik, ‘jim binne aardich handich mei it skearmes, as 't my net mist. As jim no dat burdhier ris wat beklauden en dan mei wat gaaskes en plasters der wer in bytsje fatsoen yn brochten, dan is it miskien wer draachlik.’ Trude sei foar de safolleste kear dat it har ôfdieling net wie, hjirre, mar wie ûnderwilens al drok dwaande mei it skearmes. ‘Watse, wier, ik kin der net oan begjinne,’ sei se mar skripte ûndertusken handich fierder. Tsjin it oare susterke sei hja: ‘As de haadsuster aanst komt moatte jo mar sizze dat menhear Van der Laan syn wynsels los wiene en dat ik der efkes in gaaske op lein haw.’ ‘Sa, en no gau wer ûnder de fodden,’ ornearre Trude, mar ik sei: ‘Nee, ik wol de klean oanha.’ Mar no wie it foargoed ho. ‘No kinst heech springe of leech, Watse, mar do giest no wer op bêd,’ sei Trude en it oare susterke foel har by: ‘Ja, wier menhear Van der Laan, jo moatte wer op bed.’ Dat wie in ôfdijer, want ik hie om njoggen oere klear sitte wollen, as ree om mei Geldau en Jorrema nei Ljouwert. Ik besocht noch even wat ik sels dwaan koe, mar sels in sok woe my net slagje mei ien earm en dan de oare sa pynlik. Dan mar wachtsje oant njoggen oere, besleat ik. Ut myn jaske dat yn 'e kast hong hie ik myn sigaretten opfiske en de oanstekker. Ik gie der noflik by sitten yn in stoel; de keamer wie lekker waarm. Inkelde minuten foar njoggenen dêr wiene hja al, Geldau en Jorrema. Hja wiene tige bliid dat hja my dêr sitten seagen as op 'e haal kommend pasjint. ‘Hat dokter dy dêr no al frij ta jûn?’ frege Geldau bliid. ‘Dat wit ik net,’ sei ik, ‘mar hoe dan ek, ik moat. Ik moat mei jimme nei Ljouwert. It muoit my, dat ik noch net oanklaaid bin, mar myn keamertsjinner hie in frije dei, dat sadwaande. Jimme moatte my even helpe mei de klean, hear. Ik kin my noch net rede mei dy iene flerk.’ | |
[pagina 125]
| |
Hja akselen frijwat tsjin, allebeide, mar ik beswarde harren dat it moast. Jorrema like net ûnder de yndruk te wêzen. Ik begûn oer de fangst fan de polysje, justerjûn. ‘Jimme hawwe se dus allegearre?’ frege ik Jorrema mei klam. Dy helle oan 'e skouders. ‘Allegearre dy't dêr byinoar wiene, mar it hat der in soad fan dat der ien mist. It liket derop dat de lieder fan it spul der net by wie. Mar der is neat út dy keardels te krijen. De baas fan it sirkus is grif ûntkaam.’ ‘Dat komt út,’ sei ik, ‘want doe't dy smjunten my justerjûn op dy stoel fêstbûn hiene wie it wachtsjen op 'e baas. Dy soe fonnis oer my wize, koe ik út it mûskopjen begripe. Ik wit ek wa't it is en ik sil him dy, aanst yn Ljouwert, yn hannen jaan.’ ‘Bist dêr folslein wis fan, Watse?’ frege er, en ik fielde dat ik in brekizer yn syn beslût hie. ‘Sa wis asto Jorrema bist. Dêr fersin ik my dochs net yn, no? En dan sil ik dy noch wat sizze, Jorrema. In sikehûs, dêr is men frijwillich yn, dat men kin der ek út wannear't men wol. It is gjin detinsje, begrypst? Hjir bin ik, Watse van der Laan, by myn folle ferstân, en ik wol út dit sikehûs wei: no. En do bringst my nei Ljouwert, út freonskip, omdatst witst dat ik myn ferstân haw en eigen baas bin.’ Jorrema wie noch net út 'e rie, sa't like. ‘Jorrema! It is 1968 dit jier. It jier fan de rjochten fan de minske. En soe ik, Watse van der Laan, no net it rjocht hawwe meie in broek oan te krijen?’ Jorrema gnyske, ik hie it wûn, tocht ik. Hy gie de gong op en Geldau begûn my te helpen mei it oanklaaien. Efkes letter kaam Jorrema werom mei de dokter. Ik hearde Jorrema pleitsjen doe't hja deryn kamen, mar dat hoegde net mear. ‘Menhear Van der Laan is in frij man,’ sei de dokter. ‘As er gean wol, dan docht er dat. Mar hy docht it op syn eigen noed, fansels. Ik kin en ik sil him net tsjinkeare, mar jo, menhear Jorrema soene my wol in grut plezier dwaan kinne as jo in hiel lyts bytsje tafersjoch op menhear Van der Laan hâlde woene hjoed. Mar jo binne ek frij man fansels.’ | |
[pagina 126]
| |
IITwa auto's snuorren de dyk del, nei Ljouwert. De foarste wie myn eigen wein, mei Geldau oan it stjoer, ik njonken har mei de jas los oer it skouder. Efter ús ried Jorrema. Dat hie in ûnferwachte tafaller west dat it reade meunster dêr wer foar my klearstien hie. Wylst ik my útskriuwe liet by de administraasje hie Jorrema noch gau even de tank foljitte litten en de auto foarriden. ‘Gean do mar foarop,’ hie ik sein, mar Jorrema gnyske: ‘Ik haw dy leaver foar my as efter my. Boppedat, Geldau moat it tempo mar oanjaan, want hja moat fansels in bytsje foarsichtich wêze mei dy; gjin merakels mei dy earm fan dy.’ Dêr ried ik no, mei in bestjoerster, sa't der gjin twaden yn Fryslân te finen is en mei de neismaak fan de calvados noch op 'e tonge. Want Geldau hie trou west oan har wurd, mear as dat sels, want hja hie ek noch in lyts gleske meinommen. En de knipsels hie se, lykas men dat fan in goede sekretaresse ferwachtsje kin, kreas byinoar yn in kantoarmapke. De diken yn Fryslân binne wier net sa min, oertocht ik doe't wy de Snitser strjitwei delrieden. As der by de minsken gjin slimmer lekken en brekken sieten as dizze oerflakkige hulten en bulten, no, dan koe ik myn winkeltsje wol slute. ‘Wat bin ik bliid, Watse,’ sei Geldau. ‘Oars ik wol. Mar no moatst my earst al even fertelle hoe't it juster jûn allegearre gien is.’ ‘No, doesto nei de dyk ta rûnst, hie ik ûnderwilens ek hurd oanmakke, want ik woe it dy winliken ôfwinne. Mar tichteby dat hûs, witst wol, dêr kaam ik foar in hiele brede sleat te stean, in tochtsleat, like my ta. Doe seach ik dy by de dyk opkommen en ik tocht: dat hast my ôfwûn. Ik bleau stean om te sjen hoe't it gie; ik ferwachte elts eagenblik dy roppen te hearren, mar der kaam neat. It wie allegearre like nuver, al wist ik net werom. Dêrom seach ik jim noch even nei doe't de auto fuortried. En doe bleauwen jim leau'k stean en efkes letter miende ik dat er de reed | |
[pagina 127]
| |
opried nei de pleats. Doe't er efter de skuorre weiwaard en it ljocht útdie, wist ik dat it sa wie. Wat waard ik doe kjel, Watse. Ik bin nei dat hûs taflein.’ ‘En dy tochtsleat dan?’ ‘O, dy koe my neat skele. Ik sprong deryn as in sleatrider en klaude en swom nei de oare kant.’ ‘En dat by tsjuster! Geldau bern.’ ‘Ik bin dêr yn 'e hûs opflein en ik mocht samar telefonearje. Se hiene grif wol yn 'e rekken dat der wat bysûnders wie. Se seine der ek neat fan dat ik dêr stie mei de wiete krous oan. It wetter dripte der oan alle kanten út en ik stonk sân jellen boppe de wyn. Ik koe sa gau nimmen oars betinke om te skiljen as Jorrema, en dat wie efterôf net iens sa gek, leau 'k, oars hie ik it noait allegearre útlizze kinnen sa gau. Jorrema sei inkeld: ik jou it wol troch, ast my mar even seist wêrst sitst, Geldau. Doe frege ik dy minsken dêre: wêr bin ik hjir winliken; en doe hawwe sy de tillefoan fan my oernommen en se hawwe it sels oan Jorrema úttsjut. It wiene sokke aardige, freonlike minsken. De frou hie al hjit wetter klear stean en in kacheltsje oan yn 'e koken, dan koe ik my dêr waskje. Boppe hiene se ek wol gelegenheid sei de frou mar dêr wie it sa kâld en ik moast gau waarm wurde tochten hja. Ik wie ek fan bûten en fan binnen kâld. Hawar, ik hie noch mar krekt goed en wol droege klean oan fan dy frou en ik soe besykje om it harren út te lizzen, doe stie Jorrema al foar de doar. Ik by him yn 'e auto en doe wer nei de pleats. Dêr wie de polysje doe al en hie de hearen al ynrekkene. Mar do leist der noch, Watse, en o, wat haw ik yn noed sitten. De sike-auto kaam gelokkich gau, mar doe haw ik noch in hiel skoft by dy yn it sikehûs sitten te wachtsjen.’ ‘Fanke dochs,’ sei ik. ‘Letter op 'e jûn, krekt foardatst bykaamst, kaam Jorrema by my. Dy man hat ek wat ôfflein justerjûn.’ ‘In reuze fint, Jorrema.’ ‘Ik wie sa bliid datst de eagen opdiest. Der wie al tsjin ús sein dat it... dat der gjin... libbensgefaar by wie, mar, o Watse, doe't ik dy preuveljen hearde...’ | |
[pagina 128]
| |
‘Kinst even mei ien hân stjoere, Geldau?’ Ik krige har hân beet en joech der in tút op. ‘Sis, Watse.’ ‘Ja, leave.’ ‘Is it wier, watst niis seist... datst witst wa't de lieder fan dy binde is?’ ‘Oars soe ik it dochs net sein hawwe.’ Wy sweien, want wy rieden Ljouwert yn en Geldau hie al har oandacht no by it ferkear, wylst it my wie as seach ik de stêd mei nije eagen. Wy rieden nei Jorrema syn kantoar. | |
III‘Sigaar?’ frege Jorrema, doe't wy op syn keamer sieten. ‘Nee, tanke, it soe moster nei it miel wêze. Jou my no leaver in sigaret.’ Ik pafte him oan en ferfolge: ‘En no kinst opdracht jaan om Rinus Tiemersma te arrestearjen.’ ‘Dat lychste,’ sei Jorrema kjel en kaam heal oerein. ‘Dat liich ik net,’ sei ik kalm. ‘Geldau, jou my dy knipsels ris oan.’ Ik lei se iepenteard foar my en sei: ‘Hjir, yn dizze fiif stikken, dêr stiet it allegearre yn. It hat lang duorre, te lang, ear't ik wist dat der koade-berjochten yn stiene en noch wat langer ear't ik dy koade brutsen hie. Wat wie ik heilich op mysels, dat ik dat net earder sjoen hie, want efterôf is it sa ienfâldich, sjoch!’ ‘En wat stiet der dan neffens dy allegearre yn?’ sei Jorrema wat út 'e hichte. ‘O, yn dy earste trije stiet net safolle bysûnders en dêrtroch wie it ek sa slim om der efter te kommen. Mar it lêste, út 'e krante fan justermoarn, joech hiel wat feil.’ Jorrema hie it stik yn 'e hân nommen. ‘Twa mannen kamen de reed del en stapten yn it âld boat,’ lies er. ‘Krekt, dat stik,’ sei ik. ‘No sil ik dy earst de koade jaan. Sjoch, al dy stikken begjinne mei de mannichste foaryn. Dit is 23-1-1968. | |
[pagina 129]
| |
Dat betsjut dat men begjinne moat te lêzen mei it trijeentweintichste wurd; dan it earste, dat dêrop folget; dan it njoggentsjinde dêrnei; dan noch it sechste en dan noch it achtste.’ Jorrema wie al oan it tellen, mei in potlead yn 'e hân en hy skreau de wurden op syn bloknoat. ‘Durk opromje Twellegea hûs 1899’ hied er stean. ‘Durk, dat wie Durk Visser, begrypste,’ sei ik, mar Jorrema grommele: ‘Wat moat dat 1899 dan?’ ‘Dêr siet ik earst ek mei,’ ferklearre ik, ‘yn it begjin wie ik der glêd mei oan, omdat ik it sa nuver fûn, dat jiertal yn 'e tekst. Mar letter begriep ik dat itselde prosedee jitris tapast wurde moast. It boadskip wie noch net út, begrypst.’ Jorrema hie al wer teld: ‘foar tolve’ skreau er derby. ‘No bist begûn earst oant achttsjin ta te tellen,’ sei ik, ‘mar dat jildt blykber inkeld foar it jiertal foaryn. Hjir is, tocht my, ien, acht, njoggen, njoggen bedoeld en dan is it hiele boadskip ‘Durk opromje Twellegea hûs westlik brêge foar tolve.’ ‘Doe't ik dat juster útsifere hie,’ fertelde ik, ‘bin ik mei in rotgong nei Twellegea jage. Dêr kaam ik te let, sa'st witst. Gjin niget, want yn it boadskip stiet, dat it kerwei foar tolven berêden wêze moast. Dat slút tafal winliken al út, mar om te bewizen dat it wier har koade wie, haw ik hjir it knipsel fan moandei. Koart boadskip, de njoggentsjin wie diskear net nedich en de datearring is 22-1-68.’ ‘Detektive Wat Se skaadzje’ skreau Jorrema op. ‘De stavering Wat Se is wat nuver, mar wol liep. Hy koe it al slim oer Watse hawwe, of oer Van der Laan sûnder himsels al te folle yn 'e kaart sjen te litten. Dy detektive op himsels hie nammers myn erchtinken al wekker roppen, mar ik koe der gjin wiis út wurde. Dat koe ik alhiel net út de eardere stikken, dêr't ik dochs al ridlik gau in skalk each op hie. Sa hawwe my fan miet ôf oan dy fjouwer poaten fan de hûn, út it stik fan 13-1-'68, dwers sitten. It boadskip hie oars net folle om 'e hakken: “Fjouwer oere Beurs, ferplichte,” stie deryn. Dy beurs hearde foar myn gefoel ek net yn it ferhaal thús, mar ik koe der gjin tou oan fêstkrije. De skriuwwize “oer” foar oere wie earst ek nochal ferrifeljend. Wat dy Beurs | |
[pagina 130]
| |
no krekt is wit ik net. 't Sil nei alle gedachten it Beursgebou hjir yn 'e stêd wol net wêze; earder is it sa dat se in soarte fan gearkomsten fan de binde as Beurs titelisearren. Ek it boadskip fan tiisdei is net botte opwinend: “Kalm oan, jonges; lins” stiet der inkeld en de tongersdei smyt in lyts stikje skaad foarút mei “nije wike nij berjocht.” Gjin skokkende boadskippen, mar dochs fersteanber genôch om alle tafal by wat ik yn 'e lettere stikken lies út te sluten.’ Ik wie noch net iens hielendal útpraat, doe hie Jorrema oer de tillefoan syn oarders al jûn. ‘Wat ik sizze woe,’ murk ik op, ‘dy knipsels meist hâlde, hear. Ik bin der dochs net earlik oankommen. Dy krante keapje ik net, dat ik ha dy stikken der by “De Septer” útsnijd.’ ‘Dan soe ik se dochs yn beslach nimme moatte,’ lake Jorrema. ‘Ja, behalven ien, dy hat Geldau earlik foar my kocht. En dat hie ús omtrint de kop koste. Ik haw nammentlik altiten in skearmeske by my yn sa'n hâlderke en mei't ik dat lêste stik thús út 'e krante helle hie, wie dat meske op 'e tafel lizzen bleaun doe't ik fuortfleach nei Twellegea. Dêrtroch siet ik letter op 'e jûn sûnder. Mar dat knipsel jou ik dy likegoed kado, hear.’ ‘No, it is in wûnder. Do bist suver te goed foar dizze wrâld, Watse.’ ‘Ik bin bliid dat net eltsenien der sa oer tinkt! Mar noch even wat oer dy knipsels. Ik leau net datst der hjirmei bist. Ik soe eardere kranten ek nochris neigean. Grif dat der noch wol mear útkomt.’ ‘Dat wie ik al fan doel,’ sei Jorrema. ‘Wy kenne de koade no. Watse jonge, myn kompliminten dêrfoar.’ Ik warde him ôf. ‘Stil no mar. Ik hie der earder trochhinne sjen moatten mar, eh... do seist niis: goed, mar dat mienst gelokkich net, want ik woe dy freegje oftst aanst al even útkomme litte wolst, oan Rinus en de hiele troep, wat hja oan my te tankjen hawwe.’ ‘Yn elts gefal komt dy de eare ta.’ Jorrema seach my mimerjend oan: ‘Dit hie ik no nea tinke kinnen fan dy man, Watse. Begrypsto dat no?’ | |
[pagina 131]
| |
‘Ik soe der ek nea op kommen wêze,’ sei ik, ‘sneintejûn doe't ik Rinus in pak op syn donder joech wist ik noch fan neat.’ ‘Dus, do hiest him dochs wol te grazen hân?’ frege Jorrema en seach my oan. ‘Jorrema, wier, it muoit my,’ sei ik, en wylst er glimke, heakke ik der oan ta: ‘dat ik him net folle mear op syn bast jûn haw. Mar ja, doe wist ik noch fan neat. De oare deis, moandei dus, waard al myn wantrouwen tsjin Rinus wekker, doe't ik syn stik yn 'e tarante lies. Dat strykte net dat koe net, dat wie mis. Lykwols, ik hie gjin hâldfêst, mar tiisdeitejûn, by Stelpstra, wie ik ynienen folslein oertsjûge. Dat wie doe't Nanne de namme fan de hûn falle liet. Kazan, sei er. Sa hiet de hûn yn it ferhaal fan Rinus ek. Mar dan moat hy der mear fan witte, tocht ik. Dan bleau ek dy oanklacht tsjin my wat telang wei. Doe't Geldau moandeitemoarn foar njoggenen al by ús oanskille tocht ik, as dit no de polysje al is, dan is it wol betiid. Sa gau ferwachte ik it net. Mar yn 'e rin fan 'e dei soe it dochs komme moatte, tocht my. Doe't der mar noait in oanklacht kaam, wie dat foar my in oanwizing te mear dat Rinus skurf op 'e lea wie. Mar doe makke ik myn grutte flater. Doe hie ik dy warskôgje moatten, mar ik die it net. Ik woe it sels fierder útsykje. En dat wie dom, ik jou it ta; no koene hja earst noch mear ûnheil oanrjochtsje.’ Jorrema skodholle: ‘It hie dy neat jûn, Watse, ast doe by my kommen wiest. Ik soe dy gewoanwei net leaud hawwe. Wat hiest foar bewizen? Inkeld wat gefoelens fan dyn kant, ja, mar dêr soe ik wier net op yngien wêze.’ ‘Dat is dy earnst, Jorrema?’ Hy knikte. ‘Wis, al.’ ‘Dat is my dan in stien fan it hert,’ sei ik en dat wie my tinken. ‘Ik begryp dochs noch net, hoe't sa'n jonge dy't skriuwe kin...’ Jorrema makke de sin net ôf. Ik knikte. ‘Ik begryp it al sa'n bytsje. Dy jonge hat altiten yn ferhalen fan misdied en grouwel sitten. Op 't lêst wie it him net genôch mear der inkeld oer te skriuwen, hy woe sels de dingen barre litte. Sels de saak oan 'e gong sette en dan der oer skriuwe ek noch.’ | |
[pagina 132]
| |
‘Dêr koest wolris wat gelyk oan hawwe,’ sei Jorrema. ‘Hy wie der justerjûn ek en der stie fan 'e moarn in grut stik yn “It Nachtblêd”. Wy tochten noch, hy hat der dochs in noas foar, dy keardel.’ ‘Mar it stik oer dyn fangst fan hjoed sil er net skriuwe,’ sei ik foldien. ‘Hast der beswier tsjin dat ik hjirwei Henk Mulder even skilje?’ ‘Lit him hjir mar komme,’ ornearre Jorrema, ‘mar nim dat tastel dan, wolste?’ Wylst ik wachte op Henk oan 'e tillefoan, waard Jorrema oer it oare tastel warskôge. ‘Oant sjen,’ sei er en sette ôf. | |
IVOm middei hinne kroep ik even op bêd, want ik hie dochs wol skjin myn nocht, nei de lange moarn dy't einige wie mei it hiele ferhaal jitris oan Henk Mulder te dwaan, dy't my dêrby it himd fan 't gat frege. ‘Do moatst myn kompanjon aanst marris even skilje,’ hie ik tsjin Geldau sein. ‘Wjoklam fljocht men net sa hurd, dat hy moat mar wat earder komme. Freegje him oft er healwei trijen komt.’ It wie al oer twaen doe't ik wekker waard. ‘Lit juffer Sudema my even in pear brochjes bringe,’ sei ik doe't ik goed en wol wer by Geldau yn it kantoar siet. Hja fertelde dat Stelpstra om healwei trijen komme soe en lei wat fan de driuwendste papieren klear. ‘Hy moat mar gau sjen dat er der wat ynkomt,’ sei ik, ‘want it sil mei my ynearsten net folle wurde. Dy earm is ferfelend, mar boppedat, wy moatte ek nochris hjir en dêr op besite. Wy moatte de klean werombringe dysto justerjûn krige hast, wy moatte by Keimpe sjen, folle net genôch...’ Juffer Sudema brocht de brochjes, mar krekt doe't ik de tosken deryn sette soe gie de tillefoan. It wie Jorrema. ‘Watse jonge, hy hat bekend,’ sei er. ‘It wie in taaie sneed, mar hy hat bekend.’ | |
[pagina 133]
| |
‘Lokwinske,’ rôp ik him ta en wy ûnthjitten inoar dat wy jûn yn ‘De Septer’ der ien op nimme soene. Jorrema fertelde noch: ‘Hy is it haad fan in ploech smjunten dy't har foaral útleine op 'e hannel yn ferdôvjende middels, mar dy't oare dingen ek net út 'e wei gyngen as it sa útkaam. Wat de dea fan Saling en dy juffer Keyzer oanbelanget hiest folslein gelyk, Watse. Der komt fierder ek noch gâns oan it ljocht, mar dat fertel ik dy jûn wol.’ Ik hie de tillefoan noch mar amper dellein of Stelpstra en de frou waarden oankundige. Sibrich wie allinne even meikommen om my lok te winskjen mei myn behâld; hja soe de stêd yn. Oan de tút dy't hja my joech op 'e foarholle miende ik te bespeuren dat ek myn missy fan tiisdeitejûn fertuten hân hie. Wês foarsichtich Watse jonge, betocht ik lykwols doe't hja fuort wie: it kin ek bêst wêze dat it inkeld dyn wangeunstich uterlik fan it momint is dat har sa ynbannich makket. Hawar, dat kin inkeld de tiid ús leare. Op dit stuit hie ik wol oare dingen oan 'e holle. Ik seach myn kompanjon ris oan en rôp fleurich: ‘Wy sille oan it wurk.’
Hilversum, 4-16 febrewaris 1968 |
|