Wês foarsichtich, Watse
(2000)–Jo Smit– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 91]
| |
IIk waard wekker mei pine yn 'e holle, dat ik hie der hielendal gjin sin oan om fan 't bêd ôf te kommen. Ik lei noch wat te sûzjen en liet alles fan de foarige jûns nochris by my lâns glide. Al mei al wie ik net ûntefreden oer mysels. Ik hie myn eigen winsken net teld en hie de rêdende hân tastutsen oan in meiminske; moast ik dêrfoar no straft wurde mei pine yn 'e holle? It kin dochs al nuver rinne yn 'e wrâld, tocht ik. Jinsen leit myn kompanjon mei Sibrich yn it brede bêd en hjir lis ik, lykme allinne en wat hie ik. Krekt, pine yn 'e holle...! No moatst dêroer ophâlde Watse jonge, tocht ik; kom, jong; de skonken mar oer de bedsplanke. Under de brûs bekaam it al wat en doe't ik by juffer Sudema oan de breatafel siet, saksearre it al hielendal. It wie nammers net betiid mear, it wie al healwei njoggenen. Wy sieten noch wat te kâltsjen, juffer Sudema en ik, dêr wie Geldau al. Dêr wie ik wol bliid om, want ik hie my hieltiten ynhâlde moatten om myn hospita net te fertellen wat der justerjûn foarfallen wie. Dat soe bets jutte dat ik it ferhaal twaris dwaan moast, want Geldau moast it ek witte. Ik fertelde harren wiidweidich fan de goede wurken dy't ik ta stân brocht hie. Yn sobere bewurdingen dielde ik dêrnei mei dat ik Nanne Stelpstra as kompanjon oanlutsen hie en dat er moandei begjinne soe. It foel my ta dat de dames dêr net tsjin ynleinen. Hja fûnen it | |
[pagina 92]
| |
in ferstannige set fan my, dat wy sieten noch even nei te praten oer Van der Laan en Co. ‘Sjoch,’ sei Geldau op in stuit, ‘ik haw it net fergetten. Hjir is dyn Nachtblêd.’ ‘Bliksem, ja,’ sei ik, ‘wy sille oan 't wurk.’ Troch alle emoasjes hie ik myn foarnimmen fan juster oant no ta weikrongen, mar no loek ik my yn sân hasten werom op myn keamer en tearde de krante iepen. Ik socht, en ja, dêr wie wer in ferhaal fan Rinus. ‘Ljouwert, 23-1-1968,’ lies ik: Twa mannen kamen de reed del en stapten yn it âid boat dat foar de wâl lei. ‘Kom jonge, earst even de durk opromje,’ sei de âldste. Underwilens seach er de mar oer. In ferhaal oer in heit en in soan dy't in stik lân meane en dêrby in ûnferwacht ferfaltsje hawwe. As de âlde op in stuit it harspit yn 'e grûn stekt, stjit er earne op. In stien ornearret er, mar de soan seit: dat kin net. Hy is nijsgjirrich en dolt wat yn 'e grûn om en dêr ynienen is it allegearre goud dat der blinkt. In begroeven skat út de tiid fan Skier en Fet. Leffer koe it ek al net, tocht my. Mar ik begun wer by it begjin, dêr't dat Twellegea my libbensgrut út oanstoarre. Juster hie ik der west, op de dei dat it stik datearre wie. Tafal? Dat koe hast net, want hoe faak skriuwe Fryske auteurs oer Twellegea? Jawis, yn de Rimen en Teltsjes, dêr wurdt wat sein oer Twellegea, yn De Jonkerboer. Mar dat waard mear as hundert jier lyn skreaun, liet ik doe wer yn my omgean. | |
[pagina 93]
| |
Ik stiek in sigaar oan en gnaude op it probleem om. Dat jiertal yn dy tekst, 1899, dat koe ik ek net teplak bringe. Mar hoe't ik it ek besocht, ik koe in djippere bedoeling derfan net fine. Ik lei de oare stikken dernjonken, ik naam potlead en papier en ik rekkene en die. Kazan, tocht ik. Justerjûn, doe't Nanne dêroer prate hie ik my ynienen sa wis field. En no koe ik mysels wol opfrette. Ik smookte jitris in sigaar, en jitris ien. Doe ynienen, dêr seach ik it. It rekke my as in fûst yn it each en ik fleach oerein. Omtrint healwei tolven, seach ik op myn horloazje en ik stau nei bûten. ‘Ik gean fuort, hear,’ rôp ik yn it foarbygean oan Geldau. Ik fleach út in draaf nei de garaazje, sloech de motor oan en ried fuort as in gek. De stêd troch koe ik gjin avensaasje meitsje, mar ik wie al ytlike fan efteren ynriden foar't ik oan 'e ein fan it ‘ynheljen ferbean’ kaam. Goutum foarby sykhelle ik in bytsje rommer; dat betsjutte alteast de stêd út, tocht ik. Ik helle út 'e wein wat der yn siet, mieden en pleatsen kantelen foarby, it stjoer grille my yn 'e hannen, de motor song ien skrille toan, de bannen gûnzen mei in snerpend lûd. Yn 'e bochten hâlde ik krekt genôch yn om de faaie hoeke te nimmen en fuort hie ik de foet wer op it gas. Hurder Watse, tyske ik mysels oan. Hurder jonge, oars rêdst it net. It horloazje op 'e pols boppe it triljende stjoer kroep stadichoan tichter nei de tolve. Ik ferflokte alle ferkearsplanologen doe't ik foar de Easterdyksbrêge stie mei dy hiele batterij fan ferkearsljochten, mar sadree't loftsôf frijkaam gisele ik de hoeke om... even trochsette noch, alhoewol, de brêge hie seker iepen west op 'e oare ein want der kaam my in heap ferkear temjitte! In hiel ein fan te foaren hie ik it al taksearre, dy twa, tocht ik... ik joetste der mei folle feart tuskentroch, loftsôf de Twellegeasterdyk op. Jimme hawwe gelyk, jonges, tocht ik doe't ik efter my de klaksons gûlen hearde fan lilkens: ik kin der ek neat oan dwaan. Sûnder feart te minderjen | |
[pagina 94]
| |
wjerlochte ik de smelle dyk del, liet de remmen janke en gierde de modderdyk op. Jitris remde ik út alle macht want dêr lei wat. Ik sprong út 'e wein en rûn derhinne. It wie Keimpe, hy wie bûten westen, mar ik seach gjin bloed. Ik gie út in draaf op it hûs ta. De keamer wie leech, yn it bûthús wie ek neat, mar yn 'e lege golle fûn ik him: Durk Visser, of leaver, wat der fan oerbleaun wie. Se hiene him de har sens ynslein. Men koe it mei de sleef wol opskeppe. Ik socht, even mar, hâldfêst oan 'e stile. Ik kokhalze, ik wie ferslein. Eigenwize hufter, sei ik tsjin mysels, do hast misrekkene. Do hiest se allegearre yn 'e bûse, do soest it allinne wol even oprêde. Lykmeallinne tsjin dy hiele binde. Dizze man wie bang, en do hast sein, fertrou mar op my! Do hast te heech by dysels opsjoen, Watse jonge. Ik gie werom nei Keimpe en knibbele by him del. Hy hie in grutte bûde oan 'e holle, mar hy sykhelle alteast. En dy hie der alhiel neat mei te krijen, tocht ik; ik haw him der willemoeds yn behelle. Ik helle in plaid út 'e auto en lei dy oer Keimpe hinne, doe ried ik nei it ear st it bêste hûs en frege oft hja dêr tillefoan hiene. It wie únder iten en de man kaam sels foar. ‘Der is in ûngelok bard,’ sei ik, ‘en ik wol graach even skilje.’ De man seach my op en del oan as wie ik it meunster fan de Sumarreheide en frege: ‘Jagen jo hjir niis sa hurd foarby?’ ‘Ja,’ joech ik ta.Tagelyk skeat it troch my hinne wat de man tocht. Hastich sei ik der efteroan: ‘It is myn skuld net, hear. Ik haw Keimpe der sa oantroffen.’ Dat ik Keimpe by de namme koe makke dat de man ynienen aardich oansjitsker waard. Hy hie tillefoan en ik koe skilje. It nûmer fan Jorrema wie it iennichste dat my sa te binnen skeat, mar hy wie ek de iennichste dy't ik skilje woe, winliken. Ik fertelde him wat ik hjir yn Twellegea oantroffen hie, krektsa, en frege oft er delkomme woe. ‘Jamar Watse, jonge,’ sei er, ‘sa'n amateur bisto dochs net, datst net witst dat wy dêr neat te sykjen hawwe. Do moatst de Rykspolysje skilje.’ | |
[pagina 95]
| |
Doe't ik net fuort en daalk andere foege hy deroan ta: ‘No ja, dat let ek neat. Ik sil Bokma wol even warskôgje.’ ‘Tankjewol, Jorrema en oant jûn,’ sei ik en hong op. Ik rekkene ôf en op 'e frage oft der ek immen mei my moast om te helpen andere ik, dat dat net nedich wie, want dat de sike-auto al ûnderweis wie. Ik gie werom nei Keimpe. It duorre mar even, al wie it foar myn gefoel in ivichheid, doe rieden de sike-auto en de polysje suver tagelyk de modderdyk del. Keimpe waard op in brankaar lein en ik frege oft ik mei gean soe nei it sikehûs. De polysje woe leaver dat ik bleau. Boppedat foel it mei Keimpe wol wat ta, stelden de manlju fan de sike-auto my gerêst. ‘Gean mar even yn 'e hûs,’ sei de polysje, ‘dan kinne wy dêr sadaalks wol even prate.’ Dêr siet ik dan oan Keimpe syn tafel, wurch en leech. Ik soe harren aanst alles fertelle, tocht ik. Alles dat ik wist, dat ik miende te witten, dat ik ergere. Alle nammen soe ik se jaan, fan allegearre dy't ik mar mei mooglikheid mei dizze saak yn ferbân bringe koe en dan moasten se de hiele binde arrestearje, eltsenien... Op 'e kachel stie it wetter te sangerjen en op it twade gat prottele de kofjekanne. Ik geat my in bakje yn, mar it wie klearebare grom. Dat hoegde ik ek net. Ik seach ris om my hinne. Op 'e hoeke fan 'e skoarstienmantel stie in flesse drank. Dat like my better ta. Ik socht in kikkertsje út 'e hoekspine en doe foel myn each op in lyts fleske mei dûnker brún guod deryn. Angustora stie op it etiket. Hea, tocht ik en ik seach it ynienen wer foar my. Pake, dy't yn 'e hûs kaam en sei: ‘Hu, ik bin sa skrousk;’ en dan fuottele beppe nei de kast en dan krige Pake syn ‘bittertsje’ en dat wie dochs dit spul. Mar dan wie dat no ek krekt wat foar my. Ik skodde in mannich drippen yn myn slokje en geat it yn ien swolch troch it kielsgat. De smaak foel my net ta. Alles foel ôf, hjoed. | |
[pagina 96]
| |
Ik lei de earmen ûnder de holle; wat wie ik wurch. Oppakke, dy hiele binde, tocht ik. Jeroen Jansen, Teunis Groustra, en dy oare, ja, hoe sei Jorrema no al wer dat er hjitte... Ik wie slûch, fergemy. Jorrema hie sein, Jorrema... sei Ilestikene Jentsje, wist ik wer, dat wie him. Mar hoe siet dat no mei Ilestikene Jentsje en dy oar. De tinzen liken yn myn holle om te meallen as yn in draaimûne... Men sjocht se gean, men kin se net te pakken krije. Romke de Rún, ja... dy ek. Arrestearje, de hiel... Ien fan de polysjemannen kaam deryn. ‘Man, wat sjogge jo derút. Wat hawwe jo?’ rôp er. ‘Arrestearje,’ sei ik, ‘arrestearje, de... hiele... binde...’ | |
IIMei in droanend gefoel yn 'e holle waard ik wekker. Mar ik waard net wekker lykas oars, ik wie der gâns in skoft mei dwaande, ik wraksele der mei, sûnder dat it ynearsten slagge. Lang om let kaam it dochs safier dat ik my ferwûndere oer de keamer dêr't ik lei. Even letter wist ik dat it myn eigen keamer net wie en noch even letter begûn ik my ôf te freegjen hoe't ik hjir telâne kommen wie. Doe ynienen wist ik it wer en dan wit men ek ynienen dat alle wurden as ‘even’ en ‘gâns in skoft’ mar gejeuzel binne, om't men alle besleur oer de tiid kwyt is. Mar stadichwei koe ik myn tinzen wer oarderje en ik seach yn dat ik yn it sikehûs lizze moast. Ik fûn de knop fan in skille en even letter kaam der in alderleafst ferpleechsterke. ‘Soa,’ sei hja fleurich, ‘de sliep út?’ Ik andere dat my dat wol sa talike en frege doe oft hja my fertelle koe wat oere en tiid it wie. It wie kertier oer fiven, fertelde hja, ’en foar it gefal jo dat net | |
[pagina 97]
| |
mear witte, it is woansdei. En jo binne yn Snits, yn it sikehûs, yn 'e polyklinyk. Hja hawwe jo hjirhinne brocht om't se earst net wisten wat jo skeelde.’ ‘Wat hie ik dan?’ ‘Sliep,’ lake hja. ‘Jo wiene allinne mar in bytsje slûch, jo hiene wat ryklik opiumdrippen nommen. Doe't se dat ienkear wisten, koene wy jo rêstich sliepe litte.’ ‘Myn klean, wêr binne dy?’ ‘Hjir yn 'e kast, sjoch. Woene jo noch mear witte?’ ‘Myn auto, witte jo ek wat se dêrmei dien hawwe?’ ‘Wis. Dy stiet bûten op it parkearplak. De polysje hat him hjirhinne brocht en se woene graach dat jo hjirwei even by har oankamen. Dit is it adres.’ Hja joech my in kaartsje oer. ‘Sitte de kaaien yn 'e auto?’ woe ik witte. ‘Nee, kom no. De auto stiet moai op 't slot en it kaike hawwe se ôfjûn. It sit yn jo rjochterjasbûse.’ De bûse mei it revolver, skeat it troch my hinne, de net registrearre revolver. Mar doe betocht ik ferromme dat ik it ding justermiddei al yn it wantekastke fan de auto lein hie, under allerhande rommel. Dat siet wol goed. ‘Suster, jo binne in skat. Sa, ik sil de klean oandwaan en dan naai ik út.’ ‘Moat it no sa hastich? Jo kinne dochs noch wol even bekomme?’ ‘Dat haw ik net oan tiid, susterke, wier net. Mar witte jo, jo soene my noch wol in brochje bringe kinne.’ Hja seach wat ûngelokkich. ‘Dêr kin ik jo net oan helpe. Wy hawwe hjir gjin koken.’ ‘Der sil dochs wol earne in koken wêze,’ woe ik ha. ‘Fansels wol,’ sei hja wat nitelich, ‘jo moatte net miene dat se allinne yn Ljouwert grutte sikehûzen hawwe.’ ‘Hoefier is it nei de koken,’ pleage ik, ‘kinne Jo it befytse?’ ‘Hja soene my oankommen sjen yn 'e koken,’ húnde hja. ‘No, dan soargje jo dat se jo net oankommen sjogge. Of se binne der even net of se sjogge de oare kant út en wûpsdy. Jim hawwe dochs net om 'e nocht sokke moaie grutte bûsen op 'e skelk.’ Ik | |
[pagina 98]
| |
haw fan 'e middei ek neat hân. Gjin wûnder, tocht ik, dat ik skroei haw. Hja seach twivelich mar ik miende ek in lyts fûnkje yn har eagen te sjen. ‘In moaie man binne jo,’ sei se en woe derút gean. Mar ik rôp har noch even werom. ‘Jo soene my noch al even fertelle moatte wêrearne hjir in toilet is, want ik moat sa nedich as in grutte jonge.’ Hja tsjutte it my oan en sette ôf. Ik strûpte gau wat klean oan en mei wat in licht gefoel yn 'e holle, krekt as wie ik in lyts bytsje dronken, gie ik de gong yn. Doe't ik werom kaam fielde ik my al in hiel ein wisser. Ik hâlde de holle even ûnder de kraan en dronk wat wetter. Underwilens wie de suster der wer ynkaam mei trije brochjes. ‘It binne âlde, hear,’ sei hja ûntskuldigjend. ‘No haw ik it wichtichste niis noch fergetten te freegjen,’ sei ik. ‘Wat dan?’ ‘Hoe't jo hjitte.’ ‘Jo binne menhear Van der Laan wit ik wol. Ik bin suster Rollema... Trade Rollema.’ ‘Dan sis ik Trade, want ik bin gjin pasjint. Ik bin Watse, hear.’ Ik seach om my hinne oft ik alles hie en stiek de brochjes yn 'e bûse. ‘Moat dat no sa?’ ‘Ja sa moat dat. Ik moat opsjitte. It muoit my dat ik sa hurd moat. Mar as ik der wis fan bin dat jo my ferpleegje dan kom ik grif ris wat langer.’ ‘Dat mei bêst,’ lake hja. ‘Dei leave,’ sei ik en ik tute har dat it klapte. ‘It muoit my mear as ik sizze kin, dat ik sa hurd moat.’ ‘Goeie reis, Watse,’ sei it leave bern, ‘en wês foarsichtich.’ Hja rûn mei oan de útgong ta en doe betocht ik ynienen dat ik noch wat fergeat. ‘Kinne jo my ek fertelle wêr't menhear Nolthenius leit, Keimpe Nolthenius?’ Dat soe ik by de portier freegje moatte, neffens har en hja wiisde my it paad bûtenom nei de portierslôzje. | |
[pagina 99]
| |
Dêr waard my it keamernûmer sein, Keimpe wie hjir dus noch. Nei wat omdoarmjen en in kearmannich freegjen fûn ik it sealtsje dêr't er lei. Ik stapte deryn en seach de fjouwer beden bylâns, sykjend om Keimpe. Hy lei rjochts, by it finster, alhiel plat efteroer. Hy wie bliid dat er my seach. ‘Fergemy, Watse, wat duorre dat in skoft,’ sei er. ‘Ja, se hiene my wol ferteld datst under seil wiest. Dat haw ik fan de polysje, dy hat hjir noch even west om my te hearren. Sadwaande wit ik ek dat Durk Visser dea is.’ ‘Ja, hy is wei,’ sei ik trystich. ‘It muoit my, Watse,’ ferdigene er himsels. ‘Dat ik sa stom wêze koe, dat ik my sa ferrifelje litten haw. It wie sa stom as 't mar koe.’ ‘Do hast dien watst koest,’ warde ik ôf, ‘it is my genôch yn 'e wei dat ik dy hjiryn behelle haw. Fan efteren sjocht men de ko yn 't gat. Ik kin dy net sizze hoe bliid as ik bin datst libbest. Hoe is 't no mei dy? Wat hat dokter sein?’ ‘Lyts harsenskoddinkje,’ glimke er. ‘Der wie net safolle te skodzjen moatst rekkenje. Dat ik der no sa ynfleane koe, fergemy.’ Hawar, ik krige it hiele ferhaal te hearren, hoe't op it stuit in auto ûngemak krige hie op 'e dyk. Dêr moast er fansels sa gau mooglik wei en de twa man hiene him doe de modderdyk optreaun. Dat wie om in oere of âlve, sei Keimpe. Ien fan de mannen wie doe by him, Keimpe, kommen om te freegjen oft hja de wein dêr reparearje koene, of dat der altemets ferkear lâns komme koe. ‘En doe haw ik mei myn stomme harsens sein,’ grommele Keimpe, ‘dat hja de wein better even fierder skowe koene, oant dêr't hja deun by it hiem njonken it paad stean koene. En dat wie de motorkap iepen en allerhande ark derby. Ik stie mei dy iene fint ûnder de motorkap te sjen en de oare soe de wein opkrikke. No, doe moat er my mei de krik op 'e harsens slein hawwe, mear wit ik der net fan. Doe't ik de eagen wer iependie wie ik yn it sikehûs. In nuvere gewaarwurding, dat sis ik dy.’ ‘Ik wit der alles fan,’ sei ik. ‘Sa bin ik ek wekker wurden, mar dat wie fan dyn fleske mei Angustora.’ | |
[pagina 100]
| |
‘Bist net wiis,’ rôp Keimpe út, ‘dat wie gjin Angustora, dat wiene dy fint syn drippen. Hy hie it oan 'e mage, sjoch.’ It begûn my yn te barnen, ik woe fuort en ik ûnthjitte Keimpe dat ik gau wer delkomme soe. ‘Dan moatst net lang wachtsje, jonge,’ sei Keimpe, ‘want ik bin net fan doel om hjir lang te útfanhûzjen. In lichte harsensskodding sei de dokter, sa lang sil dat dochs net duorje?’ ‘Ik soe my mar rêstich deljaan, in skoftke,’ rette ik him oan, ‘safolle hast thús net te ferstriken en do hast gjin oppas dêr. En hjir rinne in heapen ferdomd knappe froulju om. Bliuw mar wat, dan komst aanst noch troud thús.’ Keimpe seach my kjelreauwich oan. ‘Dat is neat foar my, Watse. Se sitte my hjir al fierstentefolle oan my om te meneuveljen.’ ‘No, wy sjogge it noch wol,’ sei ik ûnbehelprich, want ik woe fuort. ‘Oant sjen,’ wy wiuwden inoar ta en ik besocht sa gau mooglik út it labyrint wei te kommen. Dat slagge ek en even letter stie ik bûtendoar. Op it parkearplak fûn ik myn auto. Even sjen, hie ik noch benzine genôch? Ik woe earst nei Ljouwert, nei Jorrema. Fan 'e middei hie ik alles oan 'e polysje fertelle wollen, mar no like it my effektiver earst mei Jorrema te praten om't it dochs gie om lju út syn territoir. Hy soe my ek better begripe. Mei in stive gong, al wie it sa hurd net as fan 'e middei, ried ik nei Ljouwert. Underweis betocht ik dat ik ferdoary it alderwichtichste fergetten hie oan Keimpe te freegjen. Dat komt fan dy beroerde drippen tocht ik. Ik hie fansels witte wollen wa't dy twa keardels wiene dy't mei de auto by Keimpe west hiene. Mar ik koe net wer weromgean en boppedat, Keimpe soe it wol oan 'e polysje ferteld hawwe. Geldau soe wol wer ûngerêst wêze, ik moast earst mar even thús oan. Mar ik woe daalk troch nei Jorrema. Dat ik liet de wein foar de doar stean, iepen. Yn 'e hûs en derút, dat wie myn doel. Even sizze dat ik der wer wie. | |
[pagina 101]
| |
IIIIt kantoar wie tsjuster. ‘Wêr is Geldau?’ frege ik om 'e hoeke fan 'e doar oan juffer Sudema, dy't allinne siet. ‘Hawwe jo dy dan net sjoen?’ frege hja folslein ferheard. ‘Hoe soe ik dy sjoen hawwe?’ frege ik kjel, want der flitste wer troch my hinne dat der wat mis wie. ‘Hjir hat in man oan 'e doar west mei it boadskip oft juffer Wieringa daalk meikomme woe nei jo ta, oan 'e oare kant fan 'e stêd. De taksy stie foar de doar te wachtsjen.’ ‘Kristensielen, hoe seach dy man der út?’ ‘Hoe soe ik dat no krekt witte, menhear Van der Laan. Ik haw de man mar just sjoen. Swart hier leau 'k, en hy miste in pear tosken foare.’ ‘Ilestikene Jentsje!’ rôp ik út. ‘Se hawwe har meinommen, ûntfierd.’ ‘Wa yn 'e goedichheid?’ ‘Smjunten, moardners... ik moat der efteroan. Sjen wat ik dwaan kin.’ Ik fleach de doar út en draafde nei de auto. Fergemy, wat wie dat? Siet der immen efter it stjoer yn myn wein? It woe my net oan, mar op itselde stuit dat ik seach dat ik my net fersinde, fielde ik wat kâlds yn myn nekke en hearde ik immen njonken my sizzen: ‘Do joust gjin kik, begrepen. Dit is in revolver. Ast ien ferkearde beweging makkest giet it ding ôf. Wolst mar ynstappe?’ Ik fielde my ynienen frjemd kalm. Se hawwe my yn 'e skjirre, tocht ik, mar diskear bin ik der sels by. Ik liet yn my omgean dat ik neat út 'e wei sette koe tsjin dizze beide mannen; dat der oars net opsiet as te dwaan lykas my hjitten waard. Ik stapte yn. ‘Sko mar troch,’ sei de stim. Ik skode troch en hy kaam njonken my te sitten. It wie net ien dy't ik koe, seach ik wol. De man oan it stjoer koe ik like min. | |
[pagina 102]
| |
De revolver waard op myn sliep treaun en de man sei: ‘Do sjochst mar moai rjocht foar dy út. En gjin grysjes, gjin meneuvels, gjin beweging, tink derom. Set de fuotten mar op 'e flier en lis de hannen op 'e knibbels.’ Ik die it en tocht: salang't der libben is, is der hope. Wy rieden. De man liet it revolver wat sakje sadat it no op myn hertstreek rjochte wie. ‘Oars liket it ek sa mâl foar de buorlju, n't wier,’ sei ik. ‘Sis, woesto grapkes meitsje?’ frege er ferheard. ‘Ik? It liket my skraachwurk de tiid en it plak foar grapkes.’ ‘Hy kin it oars no noch dwaan,’ sei de bestjoerder, ‘aanst sil foar him de aardichheid der wol ôf wêze.’ ‘Mei ik ek witte,’ frege ik, ‘mei wa't ik de eare haw út riden te wêzen? En wêr't de reis hinne giet?’ ‘Dat meist net,’ sei de man njonken my. ‘Wêrom net? 't Is dochs gjin maskere bal wol? Dat hoopje ik net teminsten, want earlik sein haw ik dêr gjin nocht oan. Jimme sill' it miskien net leauwe, mar dêr haw ik my no noch noait echt fermakke, op sa'n maskere feest.’ ‘Do moatst dy de bek hâlde,’ sei de man njonken my, mar de man efter it stjoer, dy't wat in makaber gefoel foar humor blykte te hawwen sei: ‘Do giest gewoan mei nei it einpunt, moatst mar tinke.’ ‘O,’ sei ik en ik seach dat wy ûnderwyls de Skrâns útriden wiene. Ik betocht hoe ûnmooglik dit allegearre wie. Dat it winliken net bestean koe, dat men op in fredige jûn troch Ljouwert ried, yn jins eigen auto noch wol, mei in frjemd oan it stjoer en in man dy't driget jin kâld te meitsjen op 'e side. En de polysjes har rûntsjes mar rinne en it ferkear mar regelje en al soks. Mar wat die men? Neat, om sa'n kâld stik stiel deun by liet men mar mei jin omheinebalje. ‘Hast him wol yn 'e bûsen field?’ frege de bestjoerder oan syn maat. ‘Wol stom, nee!’ sei dy en begûn mei syn lofterhân op myn bûsen te klopjen en deryn te taasten. | |
[pagina 103]
| |
‘Jo meie my net kidelje, hear,’ sei ik, ‘want dan moat ik wol beweging meitsje.’ ‘Ferrek, dy fint hat droege bôle yn 'e bûse,’ sei de revolverman. ‘Dat kin gjin kwea,’ ornearre de sjauffeur. ‘Gjin revolver, hen?’ ‘Nee, allinne bôle en, ja, sigaretten.’ ‘Ik woe bêst in flaubyt hawwe,’ begûn ik wer. ‘Witte jim, ik haw net iten fan 'e middei. En niis, doe't it koe haw ik der net om tocht.’ ‘Nee, do beweechst dy net,’ sei de foarynse en de oare die ek in duit yn it ponkje: ‘Aanst bist bliid datst net mei de folle mage sitst,’ sei er. ‘Jo binne in biis,’ sei ik. Dêr moast er blykber efkes oer neitinke. Doe frege er sabeare belangstellend: ‘Jo freondinne wie net thús, tink, niiskrekt?’ ‘As jo myn sekretaresse bedoele,’ andere ik, ‘nee, dy wie net langer by honk. Mar it is healwei seizen har tiid ek, hear.’ ‘Dan makket se no oeroeren,’ sei de man foaryn. ‘Mûlk treft er har aanst noch,’ betocht de revolverbandyt. ‘Dat soest wol wolle, watte,’ grânzge de oare. ‘Dat reitsje jo yn 't lid as 't wiif de woartel die,’ sei ik nei wierheid. ‘Wat beëamelst dêr allegearre,’ woe de foarman witte. ‘Ja, nuvere útdrukking, no,’ sei ik, ‘it wiif is objekt, seit Brouwer.’ ‘Wa is Brouwer?’ woe myn oppasser witte. ‘Och, kenne jo Brouwer net? Nea wat fan de man lêzen? Hy skriuwt Frysk. Hy is professor.’ ‘Jamar, bliksem Brouwer!’ sei de stjoerman optein, ‘dat is dy man fan de Gouden Swipe. Hasto dat net lêzen Diktus? Mar lit dy neat wysmeitsje fan dy fint. Dy man is hielendal gjin professor. Dat is in strjitmakker, man. Der hat krekt noch in grut stik oer him yn 'e krante stien, ommers.’ ‘Mar wat hat dy dan sein oer it wiif?’ frege Diktus, dy't blykber in oanhâlder wie. ‘Och, neat ju. Flauwe kul.’ ‘Dat is it him krekt. Dy flauwe kul, dêr mei ik wol oer. Dy Fryske skriuwers kinne it moai opsizze as se it oer froulju hawwe.’ ‘O, mar professor Brouwer net,’ hâlde ik út. | |
[pagina 104]
| |
‘Nee, dat sil't wol net.’ Oan 'e toan wie te hearren dat hy der sines fan tocht en hy ferfolge dan ek: ‘As dat sa'n moai boek is asto seiste Ytsen, dan stiet der grif ek wol it ien en oar oer froulju yn.’ De oare sei wrantelich: ‘Moatst my foaral by de namme neame, grutte mokses.’ ‘No moatst ophâlde,’ kaam Diktus fanwegen. ‘Wat hasto sels krekt tsjin my sein... no!?’ ‘Kom jonges, gjin rûzje,’ sei ik, ‘wy praten no krekt sa moai oer boeken en skriuwers. Wat ik freegje woe, hoe fine jim no dy stikken fan dy Tiemersma yn “It Nachtblêd”?’ ‘Ik soe my de bek no marris hâlde,’ grommele Ytsen, en ik wist net oft er it tsjin my hie of tsjin syn maat. ‘Nee, ik frege dat yn earnst,’ besocht ik it jitris, ‘lêze jim dy stikken wolris...?’ ‘Noait fan de man heard,’ sei Diktus. ‘Ik haw wol wat oars te dwaan,’ sei Ytsen. ‘Dat moatte jim dochs ris lêze,’ sei ik wer, mar ik krige gjin andert mear. Ik hie sjoen dat wy by de Snitserhoeke rjochtsôf gien wiene en even letter gie it de Slotsdyk del nei Raard. ‘Hjir, oan 'e rjochterkant wennet Geart Jonkman,’ besocht ik it nochris. ‘Dy man hat moaie ferhalen oer froulju skreaun!’ ‘Jonkman, seisto?’ Diktus wie dochs wol benijd, mar Ytsen koe net folle mear oan 'e holle ferneare seker. Hy snuorre teminsten: ‘No wurdt it tiid datsto dy de bek hâldst.’ Wy gyngen rjochtsôf, tsjong, tocht ik, de Legeaen yn. ‘Binne wy der hast?’ woe ik witte. De beide mannen diene it swijen derta. Dit moast Sibrandabuorren wêze, ja, dêr hiene jo 't bûterfabryk. It wie stil op 'e dyk. It wie ek stil yn 'e auto. ‘Betrouber weintsje, no.’ As hja hjir net op hapten, wêr dan wol op tocht ik. Mar hja anderen net mear. Faaks wiene hja abnormaal, bemimere ik. Dat koe hast net oars want dêr't men ek komt wolle manlju oer auto's âldehoere. | |
[pagina 105]
| |
Mar it koe ek wêze, gie it troch my hinne, dat wy neier oan ús doel kamen. Niis hiene hja noch wol prate wollen, doe wiene wy trije man yn in auto, mar no smiet de takomst syn skaad foarút, no wie der wer in skieding yn funksje, in spjalt tusken boal en slachtoffer. It is net goed dat dy te sib mei inoar wurde, dat behinderet de boal by de útoefening fan syn amt. Gau, hie ik sjoen, dit wie Gau. De auto begûn stadiger te riden en draaide in reed op. Wer hie ik it gefoel dat dit net bestean koe. Net hjirre. Net yn Gau. Mar Ytsen draaide noch in linkerbocht en foar ús lei de efterein fan in pleats. Hy joech twa koarte stjitten op 'e klakson en dêr giene de grutte mendoarren iepen. Wy rieden de skuorre yn, dêr't al gâns in weinpark yn stie. ‘Derút,’ rôp Diktus, grammitiger as nedich en ferklearber wie. Alle trije kamen wy út 'e auto. De man dy't de doar opdien hie smiet Ytsen in bosk tou ta en ferdwûn oan 'e oare ein. ‘Ik moat dy fêstbine,’ sei Ytsen en hy begûn der daalk mei. Fan dit oangeande wied er amateur, dat hie ik ridlik gau foar 't ferstân. Mar amateurs dogge ornaris in bulte flyt op har wurk en sa gie it Ytsen ek. Hy bûn earst myn fuotten fêst en begûn my doe hielendal om te wuoljen as wie ik in rollade. Hy bewuolle myn earms der ek by yn dy't er stiif tsjin myn lichem oan snuorre. Ik besocht longen en spieren op te setten safolle as ik koe, dan soe ik der aanst minder lêst fan hawwe. Oan 'e ein treauwen de smjunten my ek noch in bûsdoek yn 'e mûle en doe tilden hja my op en droegen my nei in doar, lofts yn 'e skuorre. Dêrefter smieten hja my del en diene de doar efter har yn 't slot. | |
IVDe flier wie hurd en it duorre even ear't ik wer by myn sûp en stút wie. It wie roettsjuster, mar ik miende lûd te hearren. Rotten, tocht ik, grouwe rotten. Dy ferrekkelingen hawwe my | |
[pagina 106]
| |
yn in hok fol rotten smiten. Mar it wiene gjin rotten, hearde ik doe. Soe it Geldau wêze kinne, skeat it ynienen troch my hinne. Mei wat muoite slagge it my mysels te ferrôljen yn de rjochting fan it lûd. Hie ik dy ferdomde prop mar net yn 'e mûle, dan soe ik alteast wat sizze kinne, tocht ik. As it Geldau is, meitsje ik har miskien ek noch kjel. Mar dat wie grif net sa, want earder as ik tocht hie rôle ik tsjin in oar liif oan. Mei de holle besocht ik it ôf te taasten, it wie in frommes, it wie Geldau. Ik rûkte it parfum, dat hja altiten brûkte en ik wie bliid dat wy deun byinoar wiene. Oan har liif, dêr't ik mei myn holle oplei, fielde ik dat hja har op de oare side smite woe. Ik liet my foarsichtich wer op 'e flier glide. Ik hearde hoe't hja har omwrotte, hoe't hja my de rêch takearde. Even wie ik der glêd ôf en fielde de pine troch myn hiele lichem. Doe earst krong it ta my troch, wat ik fuort fernimme moatten hie: dat hja oars bûn wie as ik. Har wiene de earmen op 'e rêch gearbûn. Ik begûn wer yn har rjochting op te skowen, stadich oan oant myn holle har earms fielde. Mei lijen slagge it my myn holle leger te krijen, yn de rjochting fan har hannen. Dêr fielde ik it tou om har polzen, doe de rêch fan har hân. Ik liet my omrôlje, dat ik op 'e rêch kaam te lizzen en skode doe wer yn har rjochting. As hja no de fingerseinen mar efter dy bûsdoek krije koe, bea ik yn stilte. Myn noas rekke har hannen en ik wrotte myn mule nei har fingerseinen. No soe hja him beethawwe moatte. Wie dat sa? Ik wist it net, mar it wie it besykjen wurdich. Stadich skode ik mei de holle by har wei en doe fielde ik it. Hja hie de doek te pakken, der kaam beweging yn, hy glied my út 'e mûle. Frij! Ik koe prate, ik koe wat tsjin har sizze. ‘Tankewol Geldau, fanke. Do hiest it dus begrepen. Geldau, ik kin net inkeld prate, ik kin myn tosken ek wer brûke. No sil ik dy helpe. Ik kom by dy. Kinst diskant oerrôlje?’ | |
[pagina 107]
| |
Ik wachte en hearde hoe't hja oer de side kaam; ik fielde har ek. ‘Moaisa, Geldau.’ Ik wrotte myn holle op har boar st en doe heger en heger oant ik oan har mûle ta kaam. Myn tosken fûnen de doek en mei in gefoel fan triomf liet ik my weromrôlje. ‘Hearlik, Watse,’ hearde ik Geldau sizzen. ‘Wat haw ik dom west, om my sa fange te litten. Bist net lilk op my, Watse?’ ‘Ik bin net lilk op dy,’ sei ik, ‘as der ien stom te wurk gien is, dan bin ik dat wol. Mar dêr sille wy no net oer prate, de tiid is dêr te kostber ta. Wy moatte loskomme, fanke.’ ‘Mar hoe? Hoe wolst dat yn 'e goedichheid klear krije. Dat slagget ús noait Watse. Mar ik bin al bliid, dat wy alteast prate kinne.’ ‘Hoe seisto? Ik haw myn tosken noch; ik byt dat tou midstwa.’ Ik socht mei myn holle har earmen wer en besocht hòldfêst op it tou te krijen mei myn tosken. Dat slagge, mar ik hearde har kroanjen en wist dat ik inkeld it tou strakker oanskuorre soe, mar net stikkenbite. Ik liet los en sei: ‘Wy moasten wat hawwe om mei te seagjen: in stik glês, in potdiggel.’ ‘Dy sille wy hjir wier wol net fine,’ sei hja. ‘Ik bin net bang, Watse.’ ‘Ik bedoelde winliken in mes,’ sei ik, ‘mar dat doarst ik net te sizzen, want ik haw gjin mes yn 'e bûse. Dat haw ik op 'e tafel lizze litten.’ ‘Mar ik wol,’ lústere hja, sûnder azem, ‘ik haw in mes, Watse. In lyts toarndersmeske, mar it is sa skerp as in flym, want de skjirreslyp hat okkerdeis west en sûnt haw ik it noch net wer brûkt. Mar it is in knipmeske en it sit ticht.’ ‘Dan meitsje wy it iepen,’ sei ik, ‘wêr hast it?’ ‘Under myn jaske, yn it boarstbûske fan de bloese.’ ‘Rjochter, lofter?’ ‘Linker, oan de oare kant sit net ien.’ ‘Ik sil sjen dat ik it derút krij.’ Ik rôle myn holle op har liif en besocht mei de mûle it jaske iepen te dwaan. Dat woe net. ‘Ik kin it net iepen krije, Geldau.’ ‘Skuor it stikken. Skuor de knopen der mar ôf.’ Ik biet yn it jaske en skuorde oan. Der rôle in knoop oer de stiennen flier, it jaske foel fansiden. | |
[pagina 108]
| |
Ik treau myn holle omheech oer har liif oant dy op har boarst lei. Wêrom kin ik net ivich sa lizze, skeat it troch my hinne, mar mei myn mûle socht ik nei it meske. It siet hielendal ûnderyn yn in smel, djip bûske. Ik besocht it mei de tonge omheech te triuwen, mar dat wie omdôch. ‘Skuor dy bûse derôf,’ hyste Geldau my oan. It slagge my hâld te krijen oan it uterste rântsje, ik skuorde sa fûl as ik koe, mar it guod ruts inkeld wat út en joech gjin belies. Jitris besocht ik it, mar treau earst safolle fan 'e bûtekant fan 'e bûse yn 'e mûle as ik mar koe. Krak, gie it diskear en ien fan 'e kanten skuorde in ein los. Gelokkich net hielendal derôf, dat it meske bleau op syn plak. It wie mar in behindich dinkje, oardeltomme lang miskien. Ik bleau mei myn holle boppe har liif, bang dat it meske falle soe, en besocht it om te kearen yn myn mûle, sa dat ik it stielen rântsje tusken de tosken krije koe. Ik besocht har út te lizzen dat hja aanst it heft tusken de tosken nimme moast, mar mei sels wat tusken de tosken artikulearret it net bêst. Doe socht ik hoeden har mûle. Wês dochs foarsichtich, Watse, sei ik yn mysels en besocht myn lippen safolle mooglik op te lûken. Hja die itselde, mar ús lippen rekken inoar en ik fielde dat hja mei de tosken hâld krige op it heft. Ik besocht de holle op te tillen en ik fielde dat hja de holle efterút treau, mar ik koe it net hâlde en fernaam dat myn tosken fan it lims ôfglieden. Hja hâlde it meske stevich tusken de tosken. ‘Sorry, leave,’ sei ik, ‘ik ferlear myn hâldfêst. Mar dat kin ik sa net wer krije. Ik moat it earst wer fan dy oernimme. Dan moatst aanst net fuortdaalk begjinne te lûken, want it slagget ús allinne as wy it krekt yn de goede rjochting dogge. Inkeld as it streekrjocht giet kin ik it hâlde.’ ‘Eh, eh,’ sei hja. Ik naam it meske wer fan har oer en besocht op 'e nij it lims tusken de tosken te krijen. No net te hurd bite, tocht ik, en wrotte mei it ding hegerop. | |
[pagina 109]
| |
Hja krige hâldfêst op it heft en doe't ik tocht dat it mes yn 'e goede stân stie biet ik op it stiel as moast ik der trochhinne. Stadich, o sa stadich lutsen wy it iepen, en doe, klik, fearre it ding fierder iepen en hearde ik it heft fûl tsjin har tosken tikjen. Stadich skode ik mei it mes wer nei ûnderen ta en lei it doe del op har boarst. ‘Wy hawwe in mes,’ lústere ik triomfantelik. ‘Wy hawwe in mes,’ andere hja. ‘As dy smjunten no noch mar even weibliuwe, dan sille wy it brûke ek,’ ferfolge ik, ‘mar wy moatte al witte wat wy dwaan kinne. Harkje. It iennichste dat ik dwaan kin is dat ik it mes yn 'e mûle nim, tusken de tosken, mei it skerp fan my ôf. Dan lit ik my op 'e side rôlje en stiet it mes dus fertikaal, by de flier rekkene, en mei it lims fan my ôf. Ik soargje derfoar dat it mes nei boppen wiist. Do moatst soargje dat it lims tusken dyn polsen komt, en dan seagje. Snije wol net; seagje, hear. Do moatst oan 'e oare kant fan my lizze, begrypst.’ Geldau hie it folslein foar de geast en ik lústere noch: ‘Súkses,’ en doe meneuvele ik it ding te plak tusken myn tosken en rôle my op myn rjochterside. It duorre in ivichheid ear't ik Geldau efter my wist en har earmen oer myn wang gliden fielde. Dêr stûke it. ‘Nee,’ besocht ik te roppen, want ik wie deabenaud dat it mes wer tichtklappe soe. Ik stjitte inkeld in raar lûd út, mar Geldau hie it blykber begrepen, want hja treau har efterein noch stiver tsjin myn efterholle en beweegde har earmen omheech. It slagge, har polsen wiene oan de goede kant fan it mes. Foarsichtich begûn hja de earmen werom te lûken, oant it tou hâld krige op it skerp fan it mes. Ik stjitte goedkarrende lûden út, ik fielde hoe't hja begûn te seagjen. Mar ik fielde ek hoefolle krêftsynspanning har dat koste. Trochsette, Geldau, trochsette. Hja sette troch, einleas, sa't it like, hieltyd op 'e nij fielde ik it mes stompen tsjin myn mûlshoeken. Hieltyd ek wer skjirre it tou my oer it wang, tsjin myn noas. | |
[pagina 110]
| |
Hieltyd fûlder en hieltyd wreder. Op it lêst wie it krekt oft al myn senuwen bleat leine oan 'e bûtekant. Mar ik ferwûndere my der net oer dat ik it úthâlde koe, ik fielde dat ik libbe, oars as yn myn ferkrampe tsjeaken, dêr't ik net fan fernimme koe oft hja it meske noch fêstklammen ja of nee, om't ik myn tosken net fielde, mar inkeld in pynlik geweld op in oar plak earne ûnder myn earen. Ik ferwûndere my inkeld, dat hja it folhâlde. Dat it har al mar noch slagge har earmen te bewegen, mei hokjende stjitten, machteleas soms en hieltyd sûnder folle beroai. Rau en wreed skjirre it tou by myn gesicht lâns. No moat it dien wêze, tocht ik eltse kear, no moat dat tou dochs troch wêze. No moat it dochs op safolle plakken tefike wêze, dat it net mear misse kin. In nije stjit moast no dochs earne de lêste triedden trochsnije. Hoefolle tiid hiene wy noch, tocht ik dan wer kjel. Lit dit yn 'e goedichheid net om 'e nocht wêze. Doe't hja har ynienen mei in fûle hoart befrijde en by my weirôle sloech de eangst fûl yn my del. Wat wie der bard? Soe it tou stikken wêze of soe it inkeld fan it mes ôfskampt wêze? Of wie it har oermânsk wurden? Wie hja beswymd? Ik woe wat sizze, mar ik koe myn tsjeaken net fan inoar ôf krije, ik koe ek gjin lûd útbringe. Mei bûnzjend herte hearde ik it fergliden fan de tiid. Mar doe ek geroft. Ik hâlde de siken yn. Nee, it wie in frachtwein dy't yn 'e fierte de dyk lâns bromde. Doe hearde ik Geldau ek. ‘Ik bin los, Watse,’ lústere hja, ‘ik haw de hannen frij.’ It klonk suver as in klacht, mar it wie in ûnderdrukte jubel, fermongen mei eangstme. Ik sei neat werom, ik koe net. Kom tocht ik, kom dan dochs. Dêr wie in hân oer myn gesicht, har fingers dy't it mes gripe woene. Mar ik liet net los, ik wist net hoe't dat moast, ik koe it net. De oare hân kaam der ek by en doe wrigge hja my it ding út 'e | |
[pagina 111]
| |
mûle. Noch koe ik neat sizze. Ik slokte en swolge en fielde it libben weromkommen yn myn tsjeaken. ‘Geldau,’ sei ik, mar it klonk net as myn eigen stim. ‘Ik haw myn fuotten ek los, Watse, ik sil dy helpe.’ Hja seage it tou troch op in willekeurich plak en begûn it fan my ôf te winen. Lit hja no noch net weromkomme, gie it troch myn holle, noch net, no noch net. Op it lêst wie ik befrijd. Untdien fan myn bannen, mar stiif en gefoelleas yn earmen en skonken. ‘Wriuwe,’ sei ik, ‘wriuwe en bewege.’ Ik sei it likefolle tsjin mysels as tsjin har en inkelde minuten wiene wy dwaande it libben werom te bringen yn ús ferkrampe lea. Ik riek myn earmen fier út en rekke har oan yn it tsjuster en doe koe ik it net litte en triuw har even tsjin my oan. Ik tute har en hja joech my in tút werom. As broer en suster tuten wy inoar. Mar ik wist dat ik it inkeld folhâlden hie, troch har neibywêzen, dat ik myn krêften te tankjen hie oan de rook fan har lea, oan it taasten earst mei myn holle oer har liif. ‘Dat hawwe wy reden,’ sei ik. ‘Oant safier wol,’ sei hja woltemoed, ‘mar wy sitte noch opsletten.’ ‘Dan sjogge wy no dat wy derút komme,’ joech ik te ferstean. Mar dat foel net ta. Hja hiene myn bûsen net leechhelle en sa koe ik mei myn folpinneljochtsje it fertrek ferkenne. Rûnom stiennene muorren, in doar dy't oan de bûtekant skoattele siet, hege lytse finsterkes, houtene souder, stiennene flier, oars neat. ‘Dan sille wy wol wachtsje moatte oant dy doar iepengiet,’ ornearre ik. ‘As se net te manmachtich ynfallen komme, dan rêde wy it wol. Wy hawwe dit foar, wy binne der op klear en hja binne nearne op fertocht.’ Wy stelden ús op oan wjerskanten fan de doar en ik lei har op dat de earste slach mines wêze soe. ‘Do wachtest ynearsten ôf,’ sei ik, ‘do bliuwst kalm en as it nedich is dan sjochst mar watst dwaan kinst.’ Suffert, skelde ik mysels doe út en fandele it tou op dat noch | |
[pagina 112]
| |
oer de flier lei. Fan it tou dêr't ik mei fêstsitten hie - in nije sturtline grif - wie noch in moai ein oer. Ik makke der op de iene ein in rinnende strûp oan. Mei it ljochtsje derby liet ik Geldau sjen hoe't dat wurke en joech it har op 'e earm. ‘As it nedich is kinst altiten ien in strûp om 'e hals smite,’ sei ik, ‘en skuor mar oan, hear. Wês mar net mijen, oan dy keardels is neat wei.’ Fan de oare einen tou makke ik wer ien stik en lei dat efter my op 'e flier del. En doe begun it wachtsjen. It lange wachtsjen, want sa rêd as de tiid niis gie, sa stadich krûpte er no. Kertier foar njoggenen hie it west doe't wy goed en wol op ús post stiene by de doar en doe't wy dêr foar ús gefoel al withoe lang stien hiene wie it noch mar fiif minuten letter. ‘Wy moatte al wat yn beweging bliuwe,’ hie ik sein, mar by de lytste beweging dy't men makket fertrout men jins earen net mear, dat wy diene it mar om de oare. Earst stie de iene op 'e hark wylst de oare syn spieren oefene, dan wer waarden de rollen omdraaid. Ik fûn de brochjes ek wer yn myn bûse, mar dat wie in eangstige ôflieding. Jins eigen kôgjen, yn it stille tsjuster, tsjoent jin allerhande lûden fan bûten foar, dy't jin elts momint opskrilje litte mei ferstive tsjeaken en de mûle iepen. It waard fiif foar njoggenen, doe njoggen oere. Nuver, mar de spanning wie it grutst doe't it de hiele oere wie. Der is blykber wat byleauwichs yn ús, dat ús ynskúnt dat de hiele oere wat bystanders is, dêr't bysûndere dingen by hearre. Mar lykas âldjiersjûn om tolve oere de tiid gewoan fierder skoot en de ierde rêstich trochwintelet yn syn baan, sa barde der om njoggenen hinne ek neat. Wer wachtsje, wer op it horloazje sjen: fiif oer njoggenen al. De kears dêrnei wie it tolve minuten oer, wachtsje mar wer. Doe ynienen halden wy beide tagelyk de siken yn. Wie dat in doar earne? Stilte earst, doe, ja wier, dat wiene fuotstappen. Hja hâlden foar de doar. | |
[pagina 113]
| |
Wat skean troch de knibbels sakke line ik efteroer, de lofterhân spand ta fûst by it liif lâns, de rjochter iepen fan my ôf. De skoattel waard oan kant strutsen, de doar gie iepen. Mei de lofterhân foarút, mei dêryn de lantearne, in flearmûs, woe de man oer de drompel stappe. Op dat stuit hie ik him al by de strôte en Geldau wie sa handich de lantearne oer te nimmen út de hân dy't iepen gie en nei de kiel taaste. Myn lofterfûst liet ik fûl deldroanje op syn sliep. Ik fielde hoe't it lichem fersloppe en weisakje woe. Mei myn lofterhân griep ik him yn syn boarst en doe koe ik syn strôte loslitte en him op 'e flier delflije. Dat it Diktus wie, seach ik no krekt. Even skeat it troch my hinne de tiid derôf te nimmen en byn him fêst en triuw him de prop yn 'e mûle, lykas hja ús dien hiene, mar eltse sekûnde wie kostber no. Boppedat, it wie net wierskynlik dat er earder bykaam, as dat syn maten der op út gean soene om te sjen wêr't er bleau. Dat ik sei tsjin Geldau: ‘Kom mei,’ en ik skoattele de doar efter Diktus. | |
VUnderwyls stoarmen der allerhande gedachten troch myn brein. Hie ik allinne west dan hie ik grif myn auto opsocht om ris te sjen oft myn revolver mooglik noch yn it wantekastke lei. Der wie kâns op, want ik hie jûn net de yndruk krige dat Ytsen it iepen hân hie. Mar ek sûnder dat ding wie ik hiel wat mânsk mei myn flearmûs by al dy benzinetanks. Ik soe ek rêstich wachtsje kinne yn it hok dêr't Diktus lei en se ien foar ien, en byneed allegearre tagelyk ôfwachtsje kinne. Ik hie op ferkenning gean kinnen troch it hûs; ik op myn iepenst, hja sûnder euvelmoed, wiene myn kânsen wier net lyts. Mar mei Geldau by my, smiet ik al dy tinzen, dy't troch myn brein tommelen, fan my ôf. Mar ien doel hearde ik te hawwen, fuort, sa gau mooglik, hjirfandinne, fuort fan dizze ferflokte pleats. | |
[pagina 114]
| |
Behalven de grutte mendoarren seach ik gjin útgong. Dy iepen te dwaan like my dochs te riskant en ik weage it derop even fierder de skuorre yn te gean en om it hoekje fan it hok hinne te sjen. Foar my út seach ik in ûnder- en boppedoar. ‘Kom,’ sei ik tsjin Geldau dy't deun efter my bleaun wie. Wy teanten derhinne en ik besocht de skoattel oan kant te skowen. Earst wie der gjin ferweech yn te krijen, mar mei in dweilstik, dat dêr oer in amer lei, om 'e hân hinne slagge it my dochs it ding los te krijen. Hoeden tilde ik de klink op en hjitte Geldau de lantearne út te blazen. Even letter stiene wy oan 'e oare kant, de doar wer foarsichtich efter ús ticht te dwaan. It wie tsjustermoanne en der wiene, wat feal, mar inkelde stjerren te sjen. Foar ús moast earne de grutte dyk wêze, mar der foel neat te ûnderskieden. Hiel yn 'e fierte wiene de ferljochte finsterkes fan in hûs te sjen, skean rjochts fan ús. Dat soe faaks oan 'e dyk stean kinne. Hoeden stappend soargen wy dat wy by de pleats wei kamen, mar nei in meter of fyftsjin faaks, glinstere der wat foar ús út. It wie de grêft. ‘As it heal kin moatte wy dêr net yn,’ lústere ik tsjin Geldau, dy't my by de hân beet hie. ‘Dit út mar,’ en ik treau har by it wetter lâns yn 'e rjochting fan 'e foarein fan de pleats, dêr't de gerdinen stuf ticht sieten. ‘Faaks leit dêr earne in planke.’ En jawol, nei sa'n hûndert trêden, krekt in dwerssleat dy't aldergeloks fan ús ôfrûn, foarby, wie in foech barte... Ridlik gau, - wy koene ek wat hurder no't wy ta it tsjuster bewend rekken en yn it lân rûnen - nei in eker of tsien stiene wy wer foar in sleat. Jitris rûnen wy by de wâl lâns oant wy in daam fûnen. Dat herhelle him sa noch inkelde kearen en sa koertsten wy op it iennichst kompas dat wy hiene, it ljochte finster en ús gefoel foar de lizzing fan de dyk yn 'e fierte, op ús frijheid oan. ‘Der is al in bysûnder bytsje ferkear, om diz’ tiid,’ sei ik wylst ik my omkearde nei Geldau. ‘Wachtsje efkes,’ sei ik derefteroan, ‘moatst dêr ris sjen.’ | |
[pagina 115]
| |
Fier efter ús wie ljocht te sjen op it hiem. Lytse ljochtsjes dy't hin en wer beweegden yn it tsjuster. ‘Dy sykje om ús,’ sei ik, ‘mar hja fiskje efter it net. As dy minsken dêre no mar tillefoan hawwe,’ en ik wiisde nei it hûs dêr't wy al tichterby kamen. Wy stroffelen wer fierder en doe't wy krekt wer foar in sleat stiene seach ik hiel yn 'e fierte in pear autoljochten. ‘Dat is myn kâns,’ sei ik. ‘Rin do no troch nei dat hûs., dan sil ik besykje oft ik ús maat dêr op 'e dyk te pakken krije kin. Ik spring hjir oer 'e sleat.’ ‘Gelok, Watse,’ rôp Geldau súntsjes. ‘Sille wy sjen wa't earst is?’ ‘As ik byt haw rop ik wol,’ wie myn beskeid. De sleat wie breed en ik doarst yn 't tsjuster ek hast gjin oanrin te nimmen, mar ik slagge der oer mei inkeld ien wiete foet. Ik rûn út in draaf, want ik seach de autoljochten, dy't sa no en dan efter de huzen weiwaarden, linkendewei tichterby kommen. Noch ien sleat moast ik oer, doe wie ik op 'e dyk. Ik hie it noch oan tiid om oan de oare kant fan de dyk stean te gean en de earm út te stekken. De auto remme daalks ôf en de bestjoerder kaam der út. Hy rûn efter om de auto hinne en kaam my temjitte. Wer hie ik it gefoel dat it der glêd by troch wie. En dat wie ek sa, it wie folslein mis, want in stimme sei: ‘Dit is in revolver en dy giet ôf ast babbelegûchjes hast. Ynstappe! Foaryn!’ Ik die mar wer wat my hjitten waard en gie op it passazjierstuoltsje sitten. ‘Trochskowe,’ sei de stimme, ‘do kinst knap autoride, dat dat meist no ek dwaan.’ ‘Moat ik ride?’ frege ik. ‘Ja, en opsjitte.’ ‘En jo dan?’ woe ik witte. ‘Ik kom njonken dy te sitten mei dit stikje ark. Mar sjit no op, ferdomme.’ Ik slagge wat ûnbehelperich mei de skonken ûnder it stjoer, | |
[pagina 116]
| |
mar dochs gewillich genôch om net fan sabotaazje fertocht te wurden. Tiid winne, tocht ik... Geldau, oanmeitsje... Lit dy lju yn 'e goedichheid tillefoan hawwe... ‘Ride mar,’ sei Ilestikene Jentsje, want dy wie it, hie ik sa njonkelytsen foar 't ferstân. Ik starte en ried fuort, net al te hastich, mar Jentsje hie it op dit stuit te drok mei himsels om dêr acht op te slaan. ‘Ik tocht,’ sei er, ‘doe't ik jo dêr sa ynienen oan 'e dyk stean seach: dat liket dy ferrekte speurhûn wol. Ik tocht as him dat net is, no, dan wit ik it net mear. Freget dy my ek noch om in lift! Om jin dea te gnizen.’ ‘Ik kin mei jo meifiele,’ andere ik. ‘Sis, kin it net wat hurder. Toe ju.’ ‘Ik doar net te goed,’ sei ik, ‘ik wit net hoefolle it lije kin mei dit weintsje.’ ‘Dizze wein kin alles ha,’ sei Jentsje prústich. ‘Traapje it gas mar op 'e planke, hear.’ Ik joech in bytsje mear gas. ‘Toe ju,’ poende Jentsje, ‘ik sei ride.’ Diskear die ik it want ik wist dat wy no tichte by de reed nei de pleats wêze moasten, dat ik liet him ynienen gean. ‘Sjochst no wol,’ sei Jentsje kibich. Mar fuort dêroerhinne raasde er: ‘Ho, stop. Stopje, sis ik.’ ‘Wat no,’ frege ik ferheard. ‘Jo wurde dochs net bang wol?’ ‘Nee, ezel, stopje,’ en hy stjitte my oan mei de revolver. Ik sette de auto stil en liet my útlizze dat wy loftsôf de reed opmoatten hiene, niis. ‘Werom.’ ‘Moat ik keare?’ ‘Nee, set 'm mar yn syn efterút.’ Nei wat geïggewear wiene wy op 'e reed en kamen gau, te gau, by de pleats. Jentsje sloech twa kear op 'e klakson, de mendoarren giene wer iepen en ik ried de skuorre yn. | |
[pagina 117]
| |
VIDiskear wie der gâns in kommisje fan ûntfangst. Behalven Diktus en Ytsen, wie de doarwarder fan de jûns der wer en Romke de Rún en noch in pear man. Hja wiene sichtber teloarsteld doe't wy der ynkamen mar se fleuren aardich op doe't se my seagen. ‘Wêr is dat frommes?’ frege ien. ‘Wat frommes?’ woe Jentsje witte. De anderten krige ik net want hja mûskoppen wat ûnder inoar. Ynienen hearde ik Jentsje sizzen: ‘Mar dan wol ik wer fuort.’ Ik seach hoe't de oaren der tsjin ynleinen en ik sei: ‘Ik soe it net dwaan, jong. It wurdt no krekt gesellich.’ ‘Do ferrekte lamstraal,’ sei er en sloech my mei alle geweld twakear om 'e kop. De oaren wjerhâlden him lykwols, mar hy wie troch it mâle hinne en raasde: ‘Dy ferdommeling. Dy hiene wy al lang deatraapje moatten.’ Ut it mûskopjen fong ik inkeld no en dan de wurden ‘de baas’ op en ik begriep dat it wachtsjen wie op de baas dy't rjochtdwaan moast. Underwilens waard der in stoel oandroegen en dêr waard ik op fêstsjorre, dat ik gjin fin ferroere koe. Der dripte bloed út myn lippe, myn wang skrynde en de holle die my sear. Ytsen gong lyk foar my stean en sei: ‘No moatsto dochs ris efkes fertelle, heite, hoe't jim loskommen binne, dêre.’ ‘Och,’ andere ik, ‘safolle fertsjinste fan myn kant siet dêr net yn, hear.’ ‘Hoe bedoelst dat?’ ‘Rotten,’ sei ik, ‘der sieten rotten yn dat hok en dy hawwe it tou midstwa...’ Beng. Foardat ik goed en wol útpraat wie hie ik wer in opsoal te pakken. Al hellet it neat út, men besiket dan dochs jin te skoar te setten ûnder de touwen, men spant alle spieren, want men soe leafst de hiele binde útroegje. Ytsen waard oan kant reage en no wie it Diktus dy't foar my stie. ‘Ik,’ rôp er. ‘Dy smearlap knypte my de strôte ticht. Ik sil 'm leare.’ | |
[pagina 118]
| |
Hy ûnderhelle de fûst en it droande op myn tsjeak.Tiid om de pine dêrfan te fielen hie ik net, want ik kantele mei stoel en al efteroer en de fûle pine dy't troch myn lofterearm skeat doe, oerhearske al it oare. ‘Oerein, do,’ raasde Jentsje. Ik seach oars net as syn mûle sûnder foarste tosken en ik fielde allinne mar myn earm doe't er my oerein sette. ‘En dit is foar dy,’ raasde er en raamde mei de fûst lyk ûnder myn loftereach. In fûnkeljend fjoerwurk seach ik en ik hearde it droanen as fan in oargel en heech derboppe út skrille fluittoanen. | |
VIIIk waard wekker wylst ik fleach om it libben. Mar doe fielde ik lekkens en ik tocht, ik lis op bêd. Ik dream blykber; mar myn holle, o myn holle. Wat triuwt my dêr op myn boarst? No ja, lit mar gewurde, tocht ik. Lit mar. Sa gau lykwols kin men it net litte, mar doe't ik wat oan 'e fielings yn myn lichem bewend rekke, sloech ik de eagen op. ‘Hy komt by,’ hearde ik ien sizzen. Ik liet de eagen wer tichtfalle en tocht: ‘Krispes, moat ik no al wèr bykomme?’ Wat wie der no ek wer, in... in skuorre, ja der wie wat mei Geldau en my... wy flechten it lân troch... Doe roek ik it, wer roek ik har parfum, in hiel lyts fleuchje, mar ik roek it. Ik die de eagen wer iepen. ‘Geldau,’ sei ik. ‘Hjir bin ik,’ lústere hja. Ik seach har net, mar ik andere: ‘Ik wit it fanke.’ Jitris die ik de eagen ticht en alles wat der de jûns bard wie skode oan my foarby. | |
[pagina 119]
| |
Alles, oant en mei de droan fan Ilestikene Jentsje. ‘Binne se snipt?’ lústere ik. ‘Allegearre,’ sei Geldau, ‘der is harren net ien ûmkommen.’ Ik fielde in grammitige foldwaning dy't as in elektryske skok troch my hinne gie, mar doe't ik oereinfearje woe, slagge dat net. Ik koe de holle net iens omheech krije. ‘Wat haw ik?’ frege ik ferheard en die de eagen hielendal iepen. ‘Jo earm hat in knoei hân,’ sei in ferpleechster, ‘dêr hat dokter fannacht in spalkje bylâns lein. En wy hawwe jo holle ek wat ferbûn. No't jo wer by binne giet it besiik fuort hear, want jo moatte no sliepe. Jo kinne op 't stuit net in soad ferneare.’ ‘Nei dit nijs kin ik alles,’ ferklearre ik. ‘Allegearre snipt. Net ien ûntkommen.’ ‘No Watse, dan gean ik mar.’ It wie Geldau en ik frege: ‘Wêr bliuwst no?’ ‘Ik gean nei Ljouwert, jonge. Ik gean nei hûs. Jorrema is hjir ek en ik kin mei him ride.’ ‘Is Jorrema hjir, seist?’ ‘Ja, hy wachtet bûten, op 'e gong.’ ‘Hy moat hjir even komme,’ bestelde ik. ‘Hui, Watse!’ hearde ik Jorrema njonken it bêd sizzen. ‘Snipt hen,’ sei ik. ‘Allegearre. Ilestikene Jentsje en Romke de Rún.’ ‘Ja.’ ‘Diktus ...Ytsen ...’ ‘Ja.’ ‘Jeroen Jansen, Teunis Groustra...’ ‘Allegearre Watse, acht man sterk. Ek noch in Wabe van Houten en Bokke Monsma.’ ‘It wie dyn territoir oars net, wol?’ ‘Nee, net op myn territoir. Mar se sitte wol yn Ljouwert op 't heden.’ ‘No moat it wier ôfrûn wêze hear. De hiele gong is al yn 'e rest.’ It wie de ferpleechster wer te moanjen. ‘Harkris Jorrema, bist hjir moarnier om njoggen oere wer? Mei Geldau?’ | |
[pagina 120]
| |
‘Dat komt klear, Watse jonge,’ sei er fleurich. ‘Oant moarn dan. Goeie hear. Geldau, kom hjir ris. Harkje, do komst moarnier mei Jorrema en dan nimst mei: ien, in flesse calvados; twa, de kranteknipsels dy't ik op tafel lizze litten haw. Ferjitst it net, no?’ ‘Fansels net. Silst lekker sliepe? Oant moarnier Watse,’ en hja tute my op 'e foarholle. ‘Der is oars gjin plak,’ lake hja ûntskuldigjend. By de doar rôp hja súntsjes: ‘Nacht, Watse.’ Doe waard it stil. Even lei ik fredich te bekommen. Doe kaam de ferpleechster noch wer even ynrinnen en wiisde my wêr't it skiltsje siet, foar it gefal dat. ‘Moatte jo ek noch wat hawwe te sliepen, menhear Van der Laan,’ frege hja. ‘Nee, of it soe calvados wêze moatte.’ Doe't hja fan nee skodde en noch heal twiveljend sei: ‘Wy jouwe hjir meast doriden,’ sei ik: ‘Lit mar, leave. Ik rêd it wol. Ik fal aanst fansels yn 'e sliep.’ Dat wie ek it iennichste dat ik woe: sliepe. Net mear prakkesearje, sliepe en jitris sliepe. Dêr wie ik oan ta. En boppedat: God skinkt it syn beminden yn de sliep, wist ik. |
|