Wês foarsichtich, Watse
(2000)–Jo Smit– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 66]
| |
IDe moarns moast ik Geldau teloarstelle, dy't fol spanning wachte op myn ferslach fan it petear mei Durk Visser. Mar se wie der net fan ferslein, se begûn daalk oer wat oars: oer it wurk, dêr't hja de foarige deis al in fiks begjin mei makke hie. Hja wie derby tsjin in pear fragen en ûndúdlikheden op rûn. Tegearre ferdjippen wy ûs dêryn en doe't it by tsienen wie koe ik de stêd yn gean. Ryklik betiid foar in man as Durk Visser, nei alle gedachten. Diskear wie hy der. Wat syn keamer hjitte te wêzen wie in gaos - net in plak om te sitten, heechstens koe men der sawat kampearje. De man sels seach der suterich en ûngedien út, syn eagen dwaalden oanienwei troch de keamer, syn bewegingen wiene stjitterich, syn hiele dwaan makke in skoftige, mankelike yndruk. It hong der dan ek yn om it petear op gong te krijen en it duorre gâns in skoft ear't er ree wie my te betrouwen. It wie dúdlik dat er bang wie, och sa bang. Ik lei by mysels oer dat ik der op út moast klear te krijen dat er noch banger fan my waard as fan alle oare gefaren dy't er wanken seach, mar ik soarge der tsjinoan om geweld te brûken tsjin dit wrak. Dochs soe it moatte as er net op ien of oare wize fanwegen kaam. ‘Sjochris Visser,’ besocht ik as lêste, ‘ik wit skoan dat jo der raar ta sitte. Jo sitte om dy lju ferlegen, of leaver om wat hja jo yn hannen spylje. Wat jo brûke wit ik net, mar jo brûke it. Jo witte dat jo der net sûnder kinne en dêrtroch sitte jo oan dy kliber - organisaasje as jo wolle - fêst. Hja skewiele jo, jo skewiele harren. Jo soene dêr wol êf wêze wolle, kappe wolle mei de hiele rotsoai. Sterker, noch | |
[pagina 67]
| |
gjin fjirtsjin dagen ferlyn wiene jo ree om dy sprong te weagjen. Jo wiene ree om fia jo freondinne Charlotte Keyzer jo lot ta te betrouwen oan in man, dêr't jo alle help fan ferwachten: Saling Lageveen.’ Underwilens sloech ik him skerp acht en al siet er dan allinne mar mei de fingers te tyspeljen en bearde er oft it him allegearre net oangie, oan in benei ûnsichtber knikje fan de holle en it senuweftich triljen fan syn noasters fernaam ik dat ik lyk yn 'e roas sketten hie. Dêrom gie ik troch: ‘Jo wiene ree jo libben te lizzen yn hannen fan dy man. Ynstee koste it him syn libben en Charlotte Keyzer harres ek. En no binne jo bang wurden. Mei rjocht en reden bang, dat wol ik fuort wol tajaan. Mar Charlotte wie jo freondinne en dêrom meie jo net bang wêze. En Saling wie myn freon, dêrom mei ik ek net bang wêze.’ ‘Lit my gewurde,’ stjitte Durk Visser út. ‘Alles goed en wol, mar dêr komme wy net fierder mei. Ik haw in útstel. Ik haw de auto bûten stean en dêr stappe wy aanst mei ús beiden yn en dan ride wy in ein. Ik sil jo in hiel ein bûten de stêd bringe, op in plak dêr't nimmen jo ken en dêr't nimmen jo sykje sil. En dan fertelle jo my alles dat jo witte. As ik dy triedden ienkear yn hannen haw sille wy ris sjen wa't baas is. Dit kin dochs samar net trochgean, dit kinne wy dochs net op ús sitte litte. It mei net wêze dat de moardners fan Charlotte frij omrinne, de moardners ek fan myn freon...’ Sa pleite ik sûnder ophâlden, mei hieltyd deselde arguminten, mar ek mei hieltiten in twingender berop op wat der oan mannelik ferwar yn him oerbleaun wie. Op 't lêst joech er it oer. ‘Ik ... ik sil it sizze,’ stammere er, ‘ik sil alles fertelle: ik wie der net by. Ik haw der wier net by west. As jo my feilich plak besoargje kinne, dan sil ik it jo wol fertelle.’ Ik sei dat er op my oan koe, mar, foege ik der oan ta: ‘Besykje no net om jo der út te winen of my earen oan 'e kop te naaien, want dan hawwe jo in minnenien oan my. Hawwe jo Ilestikene Jentsje noch sjoen de lêste dagen? Dan sil it jo wol opfallen wêze dat syn tosken aardich mindere binne. Sneontemiddei haw ik him troffen.’ | |
[pagina 68]
| |
Doe fertelde hy: ‘Ik wie by Charlotte en hja soe menhear Lageveen ophelje; ik soe salang by har thús wachtsje. En doe kamen hja. Hja wiene troch de efterdoar yn 'e hûs kommen.’ ‘Wa bedoele jo mei “hja”?’ woe ik witte. ‘No, Jeroen, de man dy't har holpen hie mei it hûs. Jeroen Jansen hjit er. En Teunis, dy syn fan wit ik net, mar dat is de man dêr't hja de hûn in pear dagen fan hie. Der wie noch in treddenien, in grouwe keardel, dy't ik net earder sjoen hie. Hja fregen my wat ik dêr moast en ik sei dat ik op Charlotte siet te wachtsjen. Dat sille wy wol dwaan, seine se, donderje no mar op. Dêr wie ik earst wol bliid om, dat se dat seine, want ik tocht, dan kom ik se wol tsjin ûnderweis en dan kin ik se warskôgje. Mar hja woene net lije dat ik de foardoar útgie. Doe bleau ik yn 'e gong stean, want, sei ik, dan wol ik hielendal net mear. Teunis en dy oare pakten my doe beet en Jeroen kaam oansetten mei in spuitsje dêr't er handich mei oer de wei koe. Sadree't de nudle yn myn earm kaam, koe ik neat mear. Ik koe my net mear fersette, ik koe net raze, ik koe hielendal gjin lûd mear jaan. Der is doe noch ien by kommen en dy naam my mei de efterdoar út. Dêr stie in auto klear en hy hat my thúsbrocht en hjir op bêd dellein. En de oare moarns doe lies ik it yn 'e krante, no ja, ik seach... ik seach dat stean fan Charlotte en sa. Ik... ik wol hjir wei, ik wol fuort.’ It wie oan alles te sjen, de man wie poerbenaud. Hy bestoar it omtrint en dat die my gjin nij. Ik hie it sels ek net al te rom mear by syn ferhaal. Hoe heal en fragmentarysk syn ferhaal ek wie, it makke de meast lugubere fantasijen wekker, dat ik wie gau beret. ‘Moatte jo noch wat meinimme?’ frege ik. Hy helle in âlde citybag ûnder it bêd wei dêr't al it ien en oar ynsiet, seach ik, hy treau der noch wat ûnderguod yn, ek noch in handoek, in kaam en skearderij. ‘Lit mar fierder,’ sei er mei in hângebeart. In wat navrante geste foar my oer, want dat fierdere wie it neamen net wurdich. Mar ja, eltsenien hinget no ienris oan syn eigen omjouwing en sa soe it dizze Durk Visser ek wol gean yn dizze earmoedige, fertutearzge rommel. Wy setten hastich ôf en sochten de auto op. Hy kaam njonken | |
[pagina 69]
| |
my op de foarbank, it kofferke sette ik efteryn. Salang't wy noch yn 'e stêd rieden die er it swijen derta en seach skoftich om him hinne, mar doe't wy ienkear op de Oeriselske strjitwei rieden, fersuchte er: ‘Ik bin bliid dat ik it kwyt bin.’ ‘Wat oars!’ sei ik en ik fertelde him wêr't wy hinne giene. ‘Ik bring jo nei in hûs under Twellegea. Efter Snits, wit jo wol? Dêr wennet goekunde fan my: Keimpe, in âldfeint. Dy wennet dêr lykme allinne en it hûs stiet op 'e romte. Keimpe is foar de duvel en syn âlde moer net bang en byneed riuwt er elts dy't it hiem opkomt, oan 'e gripe.’ Durk Visser like suver wat rommer te sykheljen, al bleau er ûnrêstich en senuweftich yn syn antwurden, want ik kloarke him no wat neier út oer syn betrekkingen mei Jeroen Jansen en de oaren. Jeroen wie al sûnt in pear jier syn fêste leveransier foar it, die bliken. Mar Visser brûkte it foar dy tiid ek al en sa hie Jeroen him der sûnder folle risiko útpikt as klant-mei-foarútsichten. Letter hie Jeroen him utsteld dat hy, Visser, nije klanten oanbringe soe. No ja, útsteld..., it hie mear oplizzen west. ‘Se sille dy grif wolris freegje hoe asto deroan komst,’ hied er sein, ‘en do hoechst oars net te dwaan as ús de namme troch te jaan.’ Durk Visser wie dêr op yngien en doe siet er foargoed yn 'e skjirre. Net inkeld dat hja drigen him syn bewende poarsje net langer ta te parten as er net woe, hja makken him ek op allerhande oare wizen bang. ‘Jo seine niiskrekt ús as wurd dat Jeroen brûkte,’ murk ik op, ‘wie dat wat er winliken sei?’ ‘Sa stiet it my wol by, en sa sil it grif ek wol west hawwe, want Jeroen hat der nea efterhâldend mei west dat er diel útmakke fan in organisaasje, al woed er net sizze wa't der mei yn of efter siet. Ik haw ek wolris te krijen hân mei dy Teunis, mar dat wie de echte baas net. Der moat noch in oarenien wêze, haw ik wol begrepen dy't de lieding hat en dy't de hiele organisaasje stjoert.’ ‘En Charlotte,’ frege ik, ‘hoe kaam dy mei dy lju yn kontakt?’ Durk Visser skeat in kaam en begûn der yn om te stammerjen, dat dat winliken syn skuld wie, mar dat er dat nea wollen hie. | |
[pagina 70]
| |
‘Sjoch,’ sei er, ‘sjoch, ik koe har sûnt se sa'n opslûpen fanke wie. Har heit en ik hiene tagelyk ûnder tsjinst lein, dat dy koe ik. De man is hiel jong stoarn en syn frou in healjier neitiid. Dat Charlotte stie mei achttjin jier al allinne. It wie in kreas fanke, mar it wie ek in float en se lêste it libben wol. Doe't de âldelju noch libben siet se op in kantoar. Dêr rekke se wei om't se wat ryklik gedonder hie mei in pear fêste klanten. Jo witte wol hoe't dat giet, der binne altiten wol manlju by dy't nocht oan in aventoerke hawwe en Charlotte wie dêr wol foar te finen. Se mocht graach yn in kroech sitte en mei út autoriden. No ja, en foar wat, heart wat n'twier? Doe't de âldelju der net mear wiene om har noch wat yn 'e stokken te halden gie it linkendewei hielendal dy kant op; nei de bedelte gean giet fansels. Ik haw genôch besocht om har dêrfan te wjerhâlden, mar se hie net folle respekt foar my. Dat wie har net iens kwea-ôf te nimmen, mar it begrutte my wol. Hja lake my fjouwerkant út. Hja woe net in hiel libben lang skrippe en skuorre en neat bedije. Hja woe sjen dat se boppe Jan kaam, sei se. Soms narre hja my en sei: winliken haw ik it fan âld-dûmny leard. Dy sei altiten dat in minske woekerje moast mei syn talinten. Is it net freeslik? Oan 'e oare kant wie it sa, hja fûn it freeslik sa't ik libbe. Charlotte koe har in hiel soad begripe en se ferblikte net gau, mar se hie in ferskuorrende ôfgriis fan alles en eltsenien dy't hjirmei oanhelle is. Hja ferflokte wol sa grouwélich de lju dy't dermei kwânselen en se woe se ek net kenne. Doe't hja Jeroen trof, hie ik har warskôgje moatten, mar ik seach dêr doe daalk gjin oanlieding ta. Letter wie hja al te fier mei him ynsyld. Hoe giet dat? Charlotte en ik moeten inoar gauris as wy hjir of dêr sieten yn 'e stêd en Jeroen en ik seagen inoar ek meastal yn 'e kroech, dat sadwaande sieten wy in inkelde kear wolris mei ús trijen te praten en sa moat Jeroen derefter kommen wêze wat Charlotte har doel wie. Charlotte hie it net sa min, mar, wit jo, ik haw niis al sein, se woe ferdomd graach meidwaan kinne. It wie har allegearre likefolle, se wist har freonen aardich út te sykjen. Mar no woe se in eigen hûs hawwe en leafst knap ynrjochte ek noch, want as ik dat ienkear haw, sei se soms tsjin my, leau mar dat ik de saak dan noch helte better fersiere kin. No, en | |
[pagina 71]
| |
doe fertelde Charlotte my op in dei dat hja in hûs kocht hie. Jeroen Jansen hie har helpe wollen mei jild en op tige noflike betingsten. Ik sei, bern, hoe krijst it yn 'e harsens; Jeroen Jansen! Wat dy betingsten wêze soene, koe ik hast wol riede. Charlotte fertelde dat hja benei gjin rinte hoegde te jaan, want dat sy Jeroen skewiele koe troch no en dan har hûs iepen te stellen foar him en syn freonen as se ris rêstich gearkomme woene. It woe my net oan dat Charlotte net wist wat dat rêstich gearkommen ynhâlde, dat ik frege it har op 'e man ôf. Se sei no ja, se sille wol gokke wolle of sokssawat, mar dat is myn saak net. Ik haw har doe ferteld wat Jeroen en syn freonen foarstelden. Se wie alhiel fan 't sintrum, mar it hûs wie kocht en betelle en der wie op dat stuit gjin ûntwyk. Mar Charlotte ûnthjitte my dat se op har iepenst wêze soe en alle war dwaan soe om sa gau mooglik fan Jeroen ôf te kommen. Leau my mar, sei se, no't ik dit allegearre wit, no sille se oan my in taaie sneed hawwe.’ Dat lêste brokje agrarysk idioom dat Durk Visser fan Charlotte oanhelle joech my jitris it bewiis fan it gefoel foar humor dat de Ljouwerter lichte froulju der op nei hâlde, mar tiid om dizze gedachte fierder út te spinnen hie ik net, want wy einden al moai en ik hie noch ien frage. ‘Dy hûn,’ sei ik, ‘hoe kaam hja dêr sa by?’ ‘Dêr kaam hjà net by,’ sei Durk Visser, ‘dat wie wer ien fan Jeroen syn útfynsels. In freon fan him, dy Teunis, begripe jo, dy hie dy hûn. En no moast Teunis in wike fuort en Jeroen sei dat Charlotte dan salang mar op dy hûn passe moast. Sa net, se krige der in bêst stik kostjild foar, want sa'n hûn fret wat op, dat sis ik jo. Dat dat no sa raar beteare soe, wa hie dat tinke kinnen. It like Charlotte wol wat ta. It wie in ferrekt moaie hûn, in hiele gruttenien, goed ôfrjochte: in djoere hûn! Ik haw it jo al earder ferteld, se woe graach de mefrou úthingje; it wie wol wat foar har, mei sa'n grutte hûn út te kuierjen. Foarnaam.’ Wy hiene Twellegea omtrint te pakken. Dêr wie de brêge al en fuort letter draaiden wy de modderdyk op. ‘Sjoch, dêr is it,’ wiisde ik foar my út. Keimpe stie al by de syddoar, doe't wy it hiem oprieden. | |
[pagina 72]
| |
‘Dit is Durk Visser,’ hie ik sein, ‘dit is Keimpe Nolthenius. Goed mei dy, Keimpe? Meie wy der even ynkomme?’ By Keimpe yn 'e keamer fertelde ik yn 't koart sa likernôch wat der geande wie en sa't ik ferwachte hie, Keimpe hie gjin beswier tsjin in útfanhûzer. ‘Jimme sizze útfanhuzer, en dat is my bêst,’ sei er gnyskjend en skode it prûmke nei de oare kant, ‘mar as ik it goed begryp is it mear in ûnderdûker.’ Durk Visser dy't der in bytsje ôfwêzich bysitten hie skrille op en seach kjel fan de iene nei de oare. Keimpe lei de tonge wer om it prûmke en nokkere. ‘Dat let neat, jong,’ sei er, ‘jo sitte hjir goed.’ | |
II‘Ik moat no winliken daalk fuort,’ sei ik, ‘der is noch in hiel soad heljen oan 'e klink, hjoed. Moarnmiddei kom ik wol even wer del. Faaks dat ik jo dan ek noch inkelde dingen freegje wol.’ Dit lêste tsjin Durk Visser, dy't swijend knikte. Ik naam ôfskie en stapte yn 'e auto mei it doel sa hurd mooglik nei Ljouwert werom te riden. Dat moast ek, want it hie al healwei ienen west doe't ik oer de Easterdyksbrêge ried. Ik wie aardich woltemoed, ik koe noch ridlik op tiid thús wêze en dan hie ik Geldau in hiele protte te fertellen en ek wol wat dêr't ik se in hert mei ûnder de riem stekke koe. Ik gie yn tinzen alles nochris sekuer bylâns; it wie mear as in lyts bytsje wat ik fan 'e moarn heard hie. Krekt troch Dearsum hinne, dêr barde it. Ik hie de gong der aardich yn, mar dat koe ek wol lije, der wie net folle ferkear op 'e dyk. Op Bernsterbuorren helle my dochs noch in auto yn dy't wat stjitterich nei rjochts begûn te lûken, noch ear't er my goed en wol foarby wie. Automatysk gie ik wat nei rjochts en tocht: watfoar idioat sit dêr oan it stjoer? Doe seach ik it: it wie de Triumph 2000. En tagelyk wist ik ek wat it doel wie: my fan 'e dyk ôfdrukke... Dan moat it mar wêze, tocht ik en die wat fan my ferwachte waard. Ik remme en opslach | |
[pagina 73]
| |
remme de oare ek en besocht wer my nei rjochts te kringen. Ik joech wat mear gas., de Triumph loek ek op. Wy herhellen dit spultsje in kearmannich en wy sieten al heal op it fytspaad no en dan. Ik hie gelegenheid om de twa manlju yn de oare wein wat fragmintarysk op te nimmen. Dy efter it stjoer koe ik net, mar ferdeald as dy oare it Grouwe Pak net wie. Sa boartsjendewei kamen wy op 'e Wite Brêge en ik tocht, no wurdt it myn tiid jonges. Ik joech mear gas, de hearen ek, se tochten grif dat ik besykje woe om op de iene of oare manear te ûntkommen by de Dilledyk. Ik hâlde wer in bytsje yn en ja hear, dêr begûnen se wer skean foar my te kommen, ik liet de wein in lyts bytsje komme wylst ik lofts oanhâlde en remme doe ôf en ja man, ik heakke mei myn lofter foarbumper harres rjochts efter. Hja skuorden om los te kommen, ik helle lofts út en bleau ridlik rjocht op 'e dyk wylst de piraat foar my lâns de berm ynskeat en oer de kop sloech earst en doe op 'e kant yn 'e droege sleat telâne kaam. Ik seach noch krekt yn it spegeltsje dat de mannen derút wrotten kamen en dat wie winliken mear as har takaam tocht my, al wie it allinne mar om't myn trouwe Porsche it no sûnder foarbumper rêde moast de kommende dagen. Hawar, dat wie net oars, ik koe de wein de earste dagen net misse. Doe kamen my dy beide knapen yn de auto wer yn 't sin en ik betrape my der sels op dat ik siet te nokkerjen efter it stjoer. Geldau libbe der hielendal fan op doe't ik har fan de súksessen fan de moarns fertelde, mar hja koe it net litte en moanje my om dochs foaral foarsichtich te wêzen. ‘Wier bern, leau my, ik bin op myn iepenst. Wy wolle ús dochs fan dy smjunten gjin loer draaie litte, wat do?’ ‘Winliken fergun ik it dy in bytsje,’ kaam Geldau mismoedich, ‘datsto alle risiko rinst, datst se efternei sitte kinst, wylst ik hjir mar wat nuet op kantoar sit.’ Ik ûntstried har dat lêste. Ik sei dat it moreel fan in ûnwitten bets jutting wie dat hja der wie. ‘It witten dat der thús immen sit, dêr't men op oan kin, dat is wat wurdich,’ sei ik. ‘Hat it net altiten sa west dat it thúsfront by eintsjebeslut it fernaamste is... Se witte noch net datsto hjir sitst, bern,’ | |
[pagina 74]
| |
sei ik, ‘mar as hja dat ienkear yn 'e smizen krije, leau my, dan is it grutste risiko foar dy.’ Ik sei it heal út 'e gek, mar Geldau ferklearre: ‘Ik hoopje it, Watse. Ik hoopje it.’ ‘Mar ik net,’ andere ik, ‘fanke, ik miende it wat ik sei. Ik kin dy hjir net misse op it buro, en wier, Geldau, it binne gefaarlike lju. Net allinne foar my, mar foar dy ek sadree't se witte datst hjir bist. Dat yn 'e goede fredesnamme, tink derom.’ | |
IIIDe middeis siet ik yn ‘De Septer’, dêr't ik in calvados bestelde en dêr't ik Jorrema opskille. Ik kom leaver net tefolle op it polysjeburo en Jorrema wol ek leaver net by my, de partikuliere detektive, oer 'e flier komme, dat sadwaande. Ik hie it knap ret, Jorrema koe der wol efkes tuskenút en soe by my yn ‘De Septer’ komme. Underwilens seach ik ‘It Nachtblêd’ ris yn. Rinus hie blykber net sa fluch west mei syn oanklacht tsjin my en ik woe no ris sjen oft syn styl der ek ûnder lit hie, dat er wat in fertrietlike sneintejûn hân hie. Yn 'e krante fan hjoed hied er neat. Dan moast ik de moandeiskrante dochs ek noch even sjen. Hy soe dochs net op non-aktyf wêze? Mar nee hear, yn 'e krante fan juster stie wol in grut stik fan syn hân, as gewoanlik grut opmakke. ‘In hurd berop’, stie der yn 'e kop. It sil dochs gjin autobiografy wêze? tocht ik, mar dat pakte oars út. Ljouwert, 22-1-'68 sa begûn it, want dat wie ien fan de nuvere grysjes fan dy man, om altiten mei plak en mannichste te begjinnen. Mar doe kaam it! As der ien berop is dat op de ferbylding wurket en dat allerhande romantyske gefoelens opropt, dan is it dat fan detektive. Wat docht sa'n man no winliken? Se kinne it sa moai opsizze oer dedusearje, skaadzje, fingerprinten, stille tsjûgen en al soks. Mar yn wierheid is it in hurd en swier bestean, dat gauris de ferfeelsume kant it neist is. | |
[pagina 75]
| |
Folge noch gâns in ein, en net iens sa beroerd, oer it berop fan detektive. Nuver, tocht ik. Nuver dat Rinus op dit pas in dithyrambe oer de detektive skriuwe moast. Men koe jin hast net yntinke dat er dêr in soad nocht oan hawwe soe, no't er krekt fan in eksimplaar fan de soarte - nei alle wierskyn it iennichste eksimplaar dat er fan tichteby koe - in pak op syn donder hân hie. Men moast al in ferskuorrend masogist wêze, as men dêr op sa'n stuit sin oan hie. En Rinus hie op my net de yndruk makke dat it in geniet foar him wie doe't ik him ôftúgde. Mar fansels, tocht ik, it stik koe foar dy tiid al skreaun west hawwe. Hy hie grif in mannich fan dy stikken klearlizzen, en om foar himsels de skyn fan aktualiteit op te hâlden sette hy der altyd de mannichste by. It wie in ferklearring fansels, mar it foldie my net. Ik sels - en wat foar oare mjitstêven ha wy winliken? - soe yn sa'n gefal leaver in oar stik pleatst hawwe, of byneed hielendal net ien. Ik lies it begjin nochris oer en it stik befoel my noch minder as earst. Se kinne it sa moai opsizze, stie der. Se? Wat foar se, frege ik my nytlich ôf. Wer komme dy se ynienen wei? Datseide gefoel hie ik ferdoary ek hân doe't ik dat earste stik lies, dy românse oer dy hûn. Ik hie sa hellich west by dat ferhaal, dat alle oare gefoelens derby ferkrongen waarden mar earne op de eftergrûn hie dochs wat fan befrjemding west oer dy oanrin. Ik helle it knipsel foar it ljocht. Ljouwert, 13-1-'68. | |
[pagina 76]
| |
Nee, dit stie my net oan. Sa'n earste sintsje mocht dan noch hinnebruie as yntroduksje, mar dan wie dy hy net fuortendaalks in man dy't út it stasjon kaam, mar pas nei't men jin bewust makke hie dat it net op 'e hoeder sloech. En fierder, ja foar't neiste trape men in hûn net op alle fjouwer poaten tagelyk en krekt dêrom stjitte jin dat wurdsje fjouwer sa. As it bist no trije poaten hân hie of fiif, dan hie soks it neamen wurdich west, mar fjouwer? En dan dy beurs. Wêrom moat ien syn beurs yn 'e bûse moffelje as er fan it stasjon komt? Hy hoecht de kondukteur dochs gjin dûbeltsje te jaan by de útgong, wol? De ober sette noch in slokje foar my del en foar my oer op 'e tafel noch ien. Ik seach op. ‘Ha, Watse, oan it dedusearjen en kombinearjen, âlde sneuper?’ It wie Jorrema. ‘Ja, it hat even duorre, ear't ik hjir wie, mar do hiest noch gjin ferlet fan my, seach ik.’ ‘Wis al, Jorrema. En do hast dêr foar in part al yn foarsjoen, mei my in drankje bringe te litten. No, ik haw it wol fertsjinne, leau ik.’ Ik fertelde Jorrema, dat ik foar myn gefoel moai op 'e gleed wie en dat ik graach in pear ynljochtingen fan him hawwe woe. ‘Kom marris fanwegen.’ ‘Om te begjinnen kin ik dy ferteile dat ik my net fersind haw. Dy offisjele lezing roait nearne nei; ik bin der no al wol wis fan dat it gjin ûngelok west hat, mar moard. In foarbetochte, gemiene moard. Folle mear kin ik der noch net fan sizze, want ik wol it folsleine bewiis leverje kinne. Stil mar, dat kin ik no noch net, mar al ken ik inkelde fan de hearen dy't derby betrutsen west hawwe. En wat noch moaier is, hja kenne my ek. Want dêr moat ik it fan hawwe. Ik bin no ienris net sa'n ien, dy't oan in hier en in sigaretteeintsje de hiele saak rekonstruearret en de skuldige mei in slutend bewiis oan de justysje oerleveret. Ik bin wat in rûchhouwer, ik kin prate mei dy fint dy't sein hat: ik rotsoai mar wat oan. Ik praat mei dizze en jinge, ik lit my sjen, net te opfallend, mar wol sa dat de lju mei in kwea gewisse der kjel fan wurde. Ik leau dat ûnderskate lju har op it stuit net hielendal noflik fiele. Sa moat it komme. De fisk | |
[pagina 77]
| |
moat swimme, se moatte út tsjustere skûlplakken opjage wurde. Net troch my yn it foarste plak, net om't ik sa'n fernimstich speurder bin, mar troch har eigen kweagewisse. Oerdei woene der al in pear my fan 'e dyk ôfkringe, doe't ik mei de auto oer de Snitserstrjitwei ried. Faaks kinst der nochris nei fernimme wa't der fan 'e middei by it transformator oer de kop gien binne yn 'e berm.’ Ik ferhelle Jorrema hoe't ik yn myn senuwen de Triumph oanriden hie en wat de gefolgen dêrfan west hiene. ‘Alwer ûn-etyske hannelingen, Watse?’ ‘Kom, kom. Is it wûnder dat ik senuweftich waard?’ ‘Nee, trochride nei in oanriding!’ Wy seagen inoarren oan. Jorrema knipere net mei de eagen. Ik nammers ek net. ‘Fierders kinst ús neat meidiele dus, Watse?’ ‘Nee, wier net. Mar ik hoopje dat it net lang mear duorje sil. O ja, ien ding noch, dy man mei dy koarte reinjas, dêr't ik dy nei frege, dêr hoege jimme net mear nei út te sjen. Ik wit wa't it is en ik haw him sprutsen. Do meist it ek wol witte, it wie in Durk Visser. Ik haw fierder gjin belang by him. Mar al soe ik graach wat mear witte wolle fan Jeroen Jansen en syn maten. Dêr moat ek in Teunis by wêze. Ik wit wol, dat seit net safolle, der binne mear hûntsjes dy't Blom hjitte, mar och, jimme witte ek wolris mear as in oar. Faaks kinne jo ris hoeden nei him fernimme by de opiumresjerzje.’ ‘Soa-oa!’ ‘Ja, mar dat is dan ek alles wat ik te fertellen haw. No woe ik noch al graach ien ding witte, mar dat is mear partikuliere nijsgjirrichheid. Kensto in Stelpstra, dy't eartiids by de polysje west hat? In Nanne Stelpstra?’ Jorrema knikte. ‘Ja, fan namme wol. De man sels ken ik net, want hy hat net sa lang by ús west. Hy is út tsjinst rekke troch it iene of oare akkefysje, in sjantaazjegefaltsje of sokssawat en dan wurdt der fansels oer praat. Of nee... hy hie sels in boete ynfoardere en yn 'e bûse stutsen. Dat wie it leau ik. Hy wie de man fan de dressuer fan polysjehûnen en as it my net mist is er letter in kennel begûn. Ferrek, sis...’ | |
[pagina 78]
| |
‘Watsei...’ frege ik. ‘O, neat... Ik miende dat ik âlde kunde foarbygean seach, mar ik haw my fersind. It is oars knap waar foar de tiid fan 't jier, no?’ Ik joech ta dat it bysûnder wie, mar dat men likegoed net ferjitte moat om yn it barre seizoen op tiid jins drankje yn te nimmen. Dat wy lieten ús noch ien bringe en praten wat oer ditten en datten. Ear't er fuortgie sei Jorrema noch: ‘Ik seach dy niis sitten mei “It Nachtblêd”. Dat bringt my yn 't sin, ik haw Rinus fan 'e moarn ek noch sjoen...’ ‘O ja?’ ‘Hy seach der wat skansearre út, oan 'e kop. Ik tocht, hy sil dochs net fochten hawwe. Wat tinkt dy derfan?’ ‘My? Wat soe ik derfan tinke moatte. Botte wierskynlik liket it my net. Hy sil wol tsjin de knop fan de doar oanrûn wêze.’ Jorrema wie al bûtendoar, doe kaam er noch even werom. ‘Do bist wol op dyn hoede no? Wês foarsichtich, Watse.’ ‘Begjinsto ek al?’ frege ik, mar hy hie him al omkeard en de hân opstutsen. | |
IVIk ferdjippe my fannijs yn ‘It Nachtblêd’ en liet ek de kranten fan de ferrûne wike komme. Twaris, op tiisdei en tongersdei hie der in stik fan Rinus ynstien. Ik lies se troch en seach der net folle bysûnders oan, mar dochs snijde ik alle stikken sekuer út. Jorrema soe dit ek wol wer ûn-etysk fine, tocht ik, mar ‘It Nachtblêd’ wie no ienris net in krante dy't men kocht as it heal oars koe. Romantisearre ferhalen wiene it beide wer. Dat fan tiisdei begûn sa: ‘Ljouwert, 16-1-'68. Rûnom waard ferteld dat Grouwe Jelle ferstoarn wie. Nei in tige wyld libben wied er kalm oan syn ein kommen. De beide jonges kamen fuort del en hja hiene gjin lins ear't hja alles dat deryn 'e hûs wie, trochnoaske hiene. Wat hja sochtenfûnen hja lykwols net.’ | |
[pagina 79]
| |
En ik ek net, fersuchte ik foar mysels, mar ik lies it hiele ferhaal út dat oer in testamint gie en oer in ûnbekend frommes, dat earder relaasjes mei Grouwe Jelle ûnderhâlden hie. Foar my hoegde it allegearre net, betocht ik, mar ja, der wiene fansels planteit, dy't dat frieten. It ferhaal fan tongersdei wie al wer fan itselde lekken in pak. ‘Ljouwert. 18-l-'68. Fan 'e iene wike op 'e oare f erwachte Gjalt tynge. Dan sei er tsjin himsels: wy moatte nije wike mar wer sjen. Op 'e nij wie it ôjwachtsjen, mar der kaam gjin berjocht. Op it lêst leaude hy der net mear yn en op in goede dei stiek er sels ôf’. In sentiminteel ferhaal oer in heit dy't op de thúskomst fan syn soan, dy't him net ta deugd oanstelle woe, wachte. Akkeba. Gelokkich kaam op dat stuit Henk Mulder der yn, dy't frege oft ik mei him biljerte woe. Henk is in betûft sjoernalist, mar sa'nien dy't men net hoecht te ûntwiken. In kalm en evenredich man, dy't nea drokte makket of in heap spul útjout, mar dy't likegoed mear te witten komt as in oar. En dy't dêroer skriuwt op 'e tiid dat it moat. Hy pinfiske wol even, mar doe't ik sei, dat ik earstdeis wat foar him hawwe soe, prate er nearne wer oer. Henk is net inkeld in betûft sjoernalist, it is ek in bêst biljerter. Dochs koed er my net hawwe diskear. Myn searys wiene moai heech en sels frij ûnmooglike ballen wist ik te meitsjen. By in tige slagge piqué út 'e losse hân, wat oars myn sterkste net is, murk Henk op: ‘Do bist aardich op dreef, hjoed.’ ‘Ik haw myn dei wol, leau ik,’ joech ik ta. ‘Ik leau nammers dat ik de hiele wike gelok hawwe sil.’ ‘Even ôfklopje!’ sei Henk. Wy spilen tûzen út en doe ried ik mei Henk, dy't my thús ôfsette. Geldau wie der noch en doe't hja fuortgie frege ik har: ‘Wolst moarn even “It Nachtblêd” meinimme? Do komst der dochs lâns. Op rekken fan 'e saak fansels. No ja, meist it ek stelle hear, wat my oanbelanget.’ Om kertier foar achten liet ik my mei de taksy nei Jacobs bringe. | |
[pagina 80]
| |
Wat sil ik dêr op 't lêst mei dy wein sûnder bumper foar de doar te stean, tocht ik. Werom woe ik mar te gean, dan wie ik wer wat útwaaid en koe ik my ris rêstich deljaan mei de Rimen en Teltsjes. Menhear Jacobs wie in freonlik man. Hy hie yndied ek al net mear te fertellen as de oaren, al koed er wol in pear nammen neame. ‘Der wie ien,’ sei er, ‘dy haw ik hjirnjonken faker as ien kear sjoen tocht ik. In Durk Visser.’ ‘Wat is dat foar in man?’ woe ik witte. ‘Och, wat sil ik sizze? Jo sille se ek wol kenne, fan dy figueren dy't de binnenstêd stoffearje. Sa'n man dy't himsels fergiftiget, slimmer as mei drank. Dit is wat in jammerdearlik gefal. It is net sa'n minne man, leau 'k. Better as dy oare, dy't ik hjir ek wolris sjoen haw. In Jeroen Jansen. Dy haw ik net heech, in brutale hont, as jo my freegje.’ ‘Hoe dat sa?’ ‘Och dat wit ik sa net. Mar se skine by him terjochte te kinnen foar dat ark. No ja, ik bin mar in gewoan minske en ik wit net hoe't al dy rommel hjit, marre... dêr wol ik de sechsman net fan wêze, hear. Mar ik achtsje him der neat te goed ta.’ Mear wist Jacobs ek net te fertellen. Gelokkich mar oan ien kant, want ik fielde my dochs al in koalle dat ik net fuortdaalk by dizze man oankloppe hie. Wy praten noch even oer it koarsjongen yn Fryslân, dêr't de hear Jacobs mar min syn moed oer hie en oer muzyk yn it algemien. Jacobs hâlde net fan hjoeddeiske muzyk, die wol bliken. De amusemintsmuzyk, dat mocht noch hinnebruie, mar syn hert gie út nei de klassike toankeunst. Inkeld, de twade fan Brahms, dat wie net folle, sei er. Mei dy wittenskip naam ik doe mar ôfskie. | |
VTa myn ferwûndering seach ik dat der ljocht baarnde op 38. De gerdinen sieten ticht, mar boppe wie in lyts skreefke ljocht. Jawis, der wie ljocht op yn 'e hûs. Wat no? | |
[pagina 81]
| |
Sibrich hie sein dat se tiisdeitejûns altiten fuort wie. Dêr koe wat tusken kommen wêze fansels, mar op ien of oare wize woe my dat net oan. Wat soe ik? Oanskilje? It koe gjin kwea, tocht my. As se thús wie net; as se besocht hie my fan 'e doar te kearen ek net. Mar hie hja ûnoprjocht west? Dat woe min yn my del en ik besleat dat der reden wie de mooglikheid ûnder eagen te sjen, dat der ferkeard folk yn 'e hûs wie. As in flits gie dat allegearre troch my hinne, en ik hie myn dievekaai al yn 'e hân. As de doar no mar net yn 't slot draaid wie. Hoeden stapte ik nei binnen en die de doar sûnder lûd te meitsjen efter my ticht. Do bist wer aardich ûn-etysk, jonkje, tocht ik, wylst ik it ljochtsje dat op myn folpinne sit oer de kapstok skine liet. De mantel en de hoed dy't dêr juster hongen hiene wiene der net. Wol hong der in manljusjas. ‘Nuver,’ tocht ik. Boppe hearde ik geroft en ik dôve gau myn lantearntsje. Der kaam immen de trep del, yn 't tsjuster, sûnder folle leven te meitsjen. Under kuiere dy immen mei wissens nei de keamersdoar, dy't even heal iepen kaam en doe die de man de doar wer efter him ticht. De man; ik hie sjoen dat it in man wie, yn it skynsel dat út 'e keamer wei even op him fallen wie. Soe it Jeroen ek wêze, frege ik my ôf, of Teunis, of it Grouwe Pak, of de messeman? Hawar, ik woe it no witte. Ik knipte it gongsljocht oan, stapte op 'e keamersdoar ta, kloppe en stoep de keamer yn. By de tafel siet in man dy't my kjel ferheard oanseach. It wie Jeroen net, noch immen oars dy't ik koe. It wie in kreaze fint, fan myn jierren sawat, skatte ik. Hy hie potlead en papier foar him. ‘Wa binne jo en wat moatte jo hjirre?’ frege er my. Net lilk en ek net bang, mar wol wie syn lûd ferwûndere. ‘Dat mei ik jo wol freegje,’ sei ik, ‘mefrou is net thús. Hoe binne jo deryn kommen? Wat hawwe jo hjir te sykjen?’ | |
[pagina 82]
| |
‘Wat donder,’ rôp er, ‘it is folle healwizer dat jo hjir omstrune. Hoe komme jo deryn?’ Hy like lilk te wurden no, dat ik sei susjend: ‘As wy noris begûnen mei ús foar te stellen.’ De man seach my oan en begun te laitsjen. ‘Stelpstra,’ sei er, ‘ik bin Stelpstra, en ik wenje hjir. Dat is mear as wat jo sizze kinne.’ ‘Myn namme is Van der Laan, en ik wenje hjir net, mar as jo Stelpstra binne, is dit jo thús ek net mear.’ ‘Ik haw in skoftlang earne oars tahâlden, dat is wier, mar dit pân stiet op myn namme en ik bin der mei myn eigen kaai ynkommen.’ Doe kaam it him blykber yn 't sin dat hy net dyjinge wie, dy't útlis hoegde te jaan en hy sei driigjend: ‘En no woe ik wolris witte hoe't jo deryn kommen binne, ferdomme. Of,’ betocht er him, ‘binne jo faaks in kostgonger?’ ‘Ik bin gjin kostgonger,’ ferklearre ik, ‘mar ik haw al in kaai. Mefrou Stelpstra hat my frege om in bytsje tafersjoch op 'e boel te hâlden as hja der net is. Ik bin partikulier detektive sjoch, en om't it tiisdeitejûn is, dat hja altiten fuort is, tocht ik: kom, ik sil der efkes lâns ride.’ ‘Ja, har tiisdeitejûn,’ sei Stelpstra foar him út. ‘Dêrom wie ik hjir jûn.’ Doe, ynienen ferheftich: ‘Partikulier detektive, sizze jo? Hat hja in detektive ynskeakele om my... om in skieding...’ ‘Wês wizer,’ sei ik bemoedigjend. ‘As dat it gefal wie soe ik jo ommers wol kend hawwe. Boppedat, wat hat in detektive hjir noch mei te krijen: kweawillige ferlitting. Dat witte jo as polysjeman dochs ek wol, net?’ ‘Dêr wiene jo dus ek al mei op 'e hichte,’ grommele er. ‘Fansels. En wat soe dat? Mar al dat jo dat makket my sa senuweftich. Ik bin Watse van der Laan, sis mar Watse en do. En mei ik der dan even by sitten gean?’ Dêr sieten wy en ik bea him in sigaret oan: ‘Smoke...?’ ‘Nanne,’ sei er, ‘Nanne Stelpstra,’ en wat twiveljend derefteroan: ‘Soene wy dit no wol dwaan?’ ‘Watte?’ sei ik. ‘Smoke. As wy hjir beide sitte te dampen dan wit se aanst daalk dat der ien yn 'e hûs west hat.’ | |
[pagina 83]
| |
‘It is dyn hûs dochs,’ lake ik, ‘en boppedat Nanne, do soest dochs krekt in brief foar har skriuwe. Of wie dat it doel net?’ Hy seach nei it papier foar him op 'e tafel. ‘Ferrek,’ sei er, ‘do hast gelyk. Mar dan hoech ik dy rommel fan dy ek net te smoken. Dan draai ik leaver ien fan de widdo.’ Wy smookten. ‘Partikulier detektive, hen,’ mimere er heal-lûd, ‘sit dêr no noch in stik brea yn?’ ‘Hoe dat sa? Wiest soms fan doel om sels...?’ Ik makke de sin net ôf, mar hy knikte. ‘Och, men wit soms net. Mar it sil wol in toer wêze om oan 'e gong te kommen, tinkt my.’ ‘Dat is sa,’ joech ik ta, ‘en dêrby, it komt wat ûngeregeld binnen. Nee, it soppet net altiten like rom. Mar dat let my net safolle, ik haw noch in spultsje, sjoch. Oerurven; dêr haw ik in setboer op; no smyt dat wol gjin grouwe stikken op, mar ik kin my der wol fan rêde, dat dan komt it net sa krekt mei de detektiverij, sjoch. En dan hoecht men net efter alle skytkerweikes oan te kroaskjen, as men der gjin sin oan hat.’ Nanne suchte. ‘Wol de kennel net sa best?’ frege ik. ‘De kennel wol, mar ik net.’ Ik seach Nanne freegjend oan. ‘Rûzje mei myn kompanjon. Ik driuw dy kennel mei in Teunis Groustra. No hie ik krekt in prachthûn ôfrjochte, in hoeder, dêr't ik alles mei wurde koe. Ferkeapet dy sokses dy hûn earst fier ûnder de priis dy't der foar komme moatten hie en dan ek noch op in ferkeard plak. Lit dy hûn no twa minsken deabite. Dêr silst wol fan heard hawwe. No dat wie myn hûn en it is hjir op it streekje bard. Mar it bestiet net, Watse, as der goed mei dy hûn omgien waard, koe men der alles mei wurde. Bite koed er inkeld op befel. Der siet gjin ferkeard yn. Kazan is deasketten doe, en dêr hawwe wy wurden oer krige. Ik mocht dy fint dochs foar myn eagen al net mear sjen, dat no rûn de galle my oer...’ ‘Wurden dus...’ sei ik. | |
[pagina 84]
| |
‘Der begûn it mei, ja. Mar ik haw him ek in opdonder jûn.’ ‘En doe sloech hy werom en doe ...’ ‘Nee, hy sloech net werom, de leffert drige dat it my noch wolris op in rare manear de kop kostje koe. Hy hie nuvere maten, dat sis ik dy.’ ‘Wat hast doe dien?’ ‘Ik bin fuortgien. Ik haw út 'e kas nommen wat ik tocht dat my takaam. Ik haw him moai sitte litten mei dy hûnebrot. Ik hie myn nocht.’ ‘Wannear wie dat?’ ‘Hjoed foar in wike. Ik haw mar in kosthús socht, want wy wennen dêre by de kennel sjoch. No haw ik fan 'e wike wat omheukere; wat moat ik as it net by de hûnen is of by de polysje? Moat ik foar Sosjale Saken by in fytserak, soms?’ ‘Wêrom komst net wer thús?’ frege ik him. ‘Dan kinst ommers rêstich om dy hinne sjen.’ ‘Nee,’ sei er stúmsk, ‘dat kin net. Dat kin ik net.’ ‘Wêrom kaamst hjir dan fan 'e jûn?’ ‘Omdat it tiisdeitejûn is fansels en ik der wis fan wêze koe dat hja net thús wie.’ ‘Wat woest ophelje? Do hast nei boppen west.’ Hy seach my wat skruten oan. Doe stiek er de hân yn 'e bûse en liet it my sjen: ‘Ditte.’ ‘Dyn revolver? Dy hiest boppe...?’ ‘Dy lei noch yn in laadsje fan 'e linnenkast, ja. My tocht, wa wit haw ik der earstdeis gjin ferlet fan, no mei dat gedonder mei Groustra.’ ‘Wie it dêrom datst dat ding ophelje woest?’ frege ik effen. Nanne andere net. ‘En dat woest yn dat brief oan dyn frou skriuwe?’ sei ik der efteroan, wylst ik him lyk oanseach. ‘Do...,’ sei er, ‘do... och, ferrek.’ ‘No, Nanne?’ ‘As ik witten hie datsto my sa op it harspit nimme soest hie ik niis fuortdalik dy revolver op dy rjochte.’ | |
[pagina 85]
| |
Ik loek myn gesicht yn komike tearen fan sabeare eangst en hy prúste it út. Fan 'e weromstuit koe ik it laitsjen ek net ynhâlde en dêrop gniisden wy ús slop. Doe't wy wat bekaam wiene, sei hy: ‘Soe der ek wat ûnder de koark wêze?’ ‘Wis, beste konjak,’ flapte ik derût. ‘Hoe witsto dat?’ ‘Omdat se my in slokje skonken hat, sipel. Dat frommes wit wat in man takomt. Dy gunt in hurdwurkjend detektive en in polysjeman op 'e tiid in slokje.’ Nanne hie ûnderwilens de flesse en in pear glêzen foar it ljocht helle. ‘Sis dat net wer,’ sei er, wylst er ynskonk, ‘ik bin gjin polysjeman mear; dat hat sa west.’ ‘Ik sil it net wer sizze,’ ûnthjitte ik, ‘mar dan moatsto my wol even fertelle wêrom ast de sek krige hast. Nei wat ik grútsjen heard haw hiesto op eigen manneboet in skatting oplein oan de kapitalisten. No fyn ik soks op himsels net gek, moat ik sizze, mar it strykt fansels net mei de foarskriften.’ ‘Do kinst it moai sizze,’ glimke Nanne, ‘en och, winliken kaam it dêr ek wol sawat op del. Allinne it wie gjin meartal, mar inkeldtal: kapitalist. It wie nochal yngenieus úttocht, mar de man hong te bot oan syn jild, om net dochs in bytsje skande te riskearjen. Ik hie it sels net betocht hear, in oar hie my holpen.’ ‘Dyn frou fansels,’ sei ik yn in fleach fan helderheid. ‘Syp, ja,’ sei er. ‘Do witst ferdomme alles, dat dan meist dit ek wol witte. Syp hie it úttocht, en foar myn eigen bêst, grif. Ik fertsjinne wol aardich, mar as hja woe, dan koe hja helte mear ynbringe as ik. Hja skriuwt boeken, misdiedferhalen.’ ‘Het rollende doodshoofd’, sitearre ik. ‘Drie minnaars op dun ijs’, ‘Balsem in het Zwembad'.’ ‘Hâld op,’ rôp Nanne, dy't himsels noch ien yngeat. ‘Hâld op, ik kin se net hearre, dy titels. Hja skreau net safolle, want dat hoegde net. Hja woe net boppe myn salaris útkomme. Likegoed stiek it my wol. Mar hja is ferrekte yntelligint, dat hja hie dat wol troch en besocht my myn gefoel fan eigenwearde hâlde te litten. En ik bin | |
[pagina 86]
| |
wer krekt net dom genôch om dat net troch te hawwen. Dat sadwaande wiene wy altyd foar inoar oan it leafdwaan en opofferjen. Ik wie sunich en besocht oer te hâlden fan myn bûsjild, hja begûn yn it Frysk te skriuwen, want dat koe finansjeel gjin kwea, sjochst.’ ‘Mar Nanne jonge,’ sei ik, ‘der moat dochs ek yn it Frysk skreaun wurde; dat moat. En sachs dat hja it docht, it is dochs har memmetaal. Har djipste gedachten moast hja dêryn uterje. Do woest “De ynfierene breid” dochs net yn 't lyk stelle mei “De haastige dienstbode” wol?’ ‘Dus Watse, as ik it goed begryp, dan wolsto hawwe dat der by har in djipper ferlet efter siet?’ ‘Dat wol ik net hawwe, dat is sa!’ ‘Faaks hast wol gelyk, mar dat komt der allegearre neat mear op oan. Dêrnei kaam it gedonder mei dy bûntjas.’ ‘Bûntjas?’ ‘Ja, hat se dy dat net ferteld? Dan is der dus dochs noch wat datst net witst. No, dat siet sa, hja woe in bûntjas hawwe, in djoerenien. Ik sei: no bern, keapje dan sa'n ding. Mar nee, dat koe net, want it moast in hiel djoerenien wurde. Doe't ik hearde wat dy kostje moast hie ik wol begrepen dat ik dy yn gjin jierren fan myn bûsjild oergarje koe. Dat ik sei: fanke, skriuw noch in pear rollende minnaars of sokssawat. Mar dat woe hja net, hja woe en hja soe dy jas fan my hawwe, al moast ik him stelle. Wier, Watse, se hat my planút frege oft ik him net stelle koe. Fansels frege ik oft se hielendal gek wie. Mar hja hie in ferskuorrend fernimstich plan betocht, hoe't it allegearre kinne soe. Mar ik sei, nee! Ik sei skriuw it allegearre op yn sa'n boek, dan hast 'm ek. Mar dêr sei sij nee op. Hja die lykwols gjin lichten en begûn hieltyd weroan oer dy jas te sangerjen. Hja behelle der fan alles yn: hja woe dy jas op 'e neakene lea drage en dan oan my tinke, hja woe... no ja, dat kin ek neat skele, mar ik waard gek. En doe't hja wer in nij, tige snoad plan betocht hie, doe wie ik op in nacht sa stom en sis it ta. In skoftke letter, doe't ik al wat oan de gedachte fan it plan bewend wie die de gelegenheid him foar. Ik rêde it derôf, alhiel neffens de | |
[pagina 87]
| |
opset en soe de buit binnenhelje, mar dat gie net troch. Ik hie de man grif te heech taksearre yn syn jildmiddels; hy draafde nei myn sjef en doe koe ik wol opsoademiterje. Se fûnen it net sa slim dat se my dêrfoar yn it skuorke setten, mar ik koe net bliuwe. En doe Syp hastich efter de skriuwmasine - sadwaande dy haastige dienstbode, begrypst - en my mar flaaie, dat ik safolle foar har oer hân hie en dat hja no foar ús beide de kost wol fertsjinje soe. Dat makke my gek, folslein dûm. Doe't hja op in dei ek noch fertelde dat dy hiele bûntjas har yn wêzen neat skele koe, doe hie ‘k myn nocht. Kinsto dy dat begripe, Watse?’ ‘Wis, kin ik dat begripe. Mar ik begryp ek datsto in ear sten idioat bist, Nanne.’ ‘Watse!’ ‘En bist ek noch idel! Dêr is op himsels neat op tsjin fansels, mar wês it dan op de goede manear. Wês grutsk op dyn wiif, potferdomme. Dat frommes is gek op dy en docht al it mooglike om dy fan dyn kompleksen ôfte helpen, en do bist te koppich om thus te kommen. Moaie jonge! Ynstee datst bliid bist mei sa'n frou, in frou út tûzen, in frou dêr't eltse keardel gek mei wêze soe, ik ek! Ynstee fan bliid te wezen sit menhear earne yn in kosthûs te stumjen en skynt it net by dy op te kommen hokfoar gefaren in frou-allinne allegearre bedriigje, grutte ju! Asto in keardel biste, dan bliuwst aanst thús en do makkest it wer ynoarder.’ ‘Mar... kin dat dan noch?’ ‘Dat kin altyd. Do seist gewoan: hjir bin ik wer. Ik haw ferlet fan dy en do ek fan my leau 'k. Dat lêste moatst foaral net ferjitte. Dat moatst der wol by sizze, hear.’ ‘Mar ik haw gjin wurk, ik haw gjin ynkommen. Sa kin ik dochs net weromkomme?’ ‘Nanne, leau my, dat ferrekt allegearre neat. Fansels, op 'en doer is it wol aardich ast wer wat ynbringst en do moatst fansels ek wol wat omhannen hawwe, mar hja kin earst moai foar dy soargje. Hja wol neat leaver, dêrom allinne al moatsto it ek wolle.’ ‘Mar,’ begun Nanne wer. ‘As ik no noch ienkear “mar” fan dy hear dan krijst in opdonder,’ | |
[pagina 88]
| |
sei ik. ‘Ik wit best watst sizze wolst, mar harkje noris. Niis hast my frege oft ik fan myn detektive wêzen bestean koe en ik haw earlik sein dat de opbringst fan it spultsje my dertroch helpe moatten hat, bytiden. Ik stek net in hân út nei dy hiele buorkerij, mar ik stryk der sa no en dan wol de sinten foar op. It is faaks net de ideale sosjale tastân, mar tochtsto dat ik dêr nachts wekker om lei. Wês wizer, man. En no hasto gjin spultsje efter de hân, mar do hast in frou dy't boeken skriuwe kin. En no moatsto ris even hiel goed nei my harkje, Nanne. Oars as dy setboer fan my, dy't him om myn wolwêzen net bekroadet, hat hja, Sibrich, dy útferkard, om't se dat sa wol. Wat hat dy boer dêr oan my? Neat. Mar hja, Syp lykasto seiste, dy hat dy. Of leaver, se hat dy no net, mar se wol dy al hawwe. En se hat dy fannacht al wer, asto mar net sa'n dwerskop bist.’ Nanne hong my oan 'e lippen en hy stammere: ‘Ik... ik doch it, Watse. Ferdomme,... do hast gelyk.’ ‘Lit ús dêr noch ien op nimme,’ ornearre ik. De flesse wie lykwols leech, mar gelokkich fûnen wy noch in twadenien yn 'e kast. ‘Op dyn houlik, jonge,’ rôp ik oerdwealsk en oerstimde dêrmei in lyts ferriederlik lûd yn myn inerlikst dat sei dat ik in healwizeling wie, en dat ik tsjin mysels stie. ‘Mar,’ sei Nanne, hy ferbettere it daalks, ‘sorry, Watse, ik bedoel, dy bûntjas hen, is dat no net folslein ûnbegryplik?’ ‘My tinkt!’ sei ik entûsjast. ‘Mar der mei dochs ek wol wat ûnbegrypliks oan in minske wêze. Froulju binne by einsluten allegearre ûnbegryplik en riedseleftich. En dan soe Sibrich dat net wêze meie? Besykje dochs net ivich alles te begripen: de died, Nanne. Wy binne mannen fan de died. Witst wol dat hja in fersebondel skreaun hat?’ ‘Wa, Syp?’ ‘“Sangene Oksen,” hjit dy bondel. Mar do mei dyn Syp, it frommes hjit Sibrich. O, lis my neaken op in stien,’ deklamearre ik. Nanne waard der suver kjel fan. ‘Wat hasto ynienen?’ frege er ûngerêst. ‘Neat ju, dat is in fers, fan har. Dat kinst lêze yn Sangene Oksen.’ | |
[pagina 89]
| |
‘Fergemy, neewol?’ stammere Nanne, ‘Sangene Oksen, woe 'k hawwe. Wat seist no ek al wer fan dy stien?’ ‘Beste jonge, dat kinst allegearre neilêze yn dy bondel. Of lês it ek mar net. Ja, dochs, ik soe it mar wol lêze as ik dy wie; kinst noch hiel wat fan leare. Lis my neaken op in stien, stiet der yn ien fan dy fersen en dan tinkst: ha, even ûnthâlde. Net besykje te begripen, mar al even ûnthâlde. Set se marris mei de neakene kont yn 'e goatstien. Meitsje der ris in gekkeboel fan. Wy detektives binne mannen fan de died.’ Wy stjitten oan: ‘Sjoch!’ ‘Dus Nanne, do bliuwst hjir en do makkest it aanst ynoarder. Gjin gejeuzel, gjin gebongel, gjin gegoedbegriperij, begrepen? De died! Wy detektives, sei ik krekt en dat wie gjin fersin want ik woe dy freegje, wolst nije wike net by my yn it wurk komme? As kompanjon. Ik krij it te bannich, allinne.’ ‘Mienst dat, Watse? Do bedonderst my net no?’ ‘Wat tochtsto? Hjir is myn kaartsje. Hast papier, dan sil ik it dy swart op wyt jaan. Takom moandei, njoggen oere. Dan begjin ik wer. Ik haw nammentlik op 't stuit fakânsje. Ik hie alles ôfsein oant nije wike ta. Dan giet it wer hurry up. Detektiveburo Van der Laan en Stelpstra.’ ‘En Co,’ ferbettere Nanne. Ik liet it even yn my omgean en fûn it ek wol in ferbettering: ‘Goed, en Co.’ ‘Dêr moatte wy noch ien op nimme, Watse.’ ‘Op dy Co?’ ‘Nee, op 'e sangene okse!’ ‘Goed, mar dan moat ik ek fuort. Meist net sizze dat ik hjir west haw, hear. Ik kom letter wolris om jimme jong gelok te bedrinken. Mar wat ik sizze woe: do moatst har Sibrich neame. Moatst ophâlde mei dat Syp, dat is wol sa'n flauwe kul. Sis Sibrich, dan wit se fuortynienen datst in oare keardel wurden bist. Wolst no in taksy foar my skilje?’ ‘Ferrek, en menhear ried hjir dochs tafallich lâns?’ ‘It wie dy dus fan alteraasje net ûntgien wat ik sein haw. Dat foarseit alle goeds foar de takomst. Wolst no in taksy skilje?’ | |
[pagina 90]
| |
Tefreden nokkerjend die Nanne wat ik him frege en even letter ried ik op hûs yn. Ik hie te drok praten, dat is net goed. Ik fielde my mankelyk. Ik hie meispile yn in ferhaal, sa sentiminteel dat in Rinus it net iens betinke koe. Dêrby hie ik sa etysk west, dat Jorrema soe ferheard opsjoen hawwe. Mar ik fielde my ûnwis; ik haw yn myn libben faker berou hân fan myn goede dieden as fan myn minne. Ik hope dat ik diskear gjin berou krije soe... |
|