Wês foarsichtich, Watse
(2000)–Jo Smit– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 51]
| |
IIk waard wekker mei't der op myn doar kloppe waard. Earst wie ik noch te bot yn 'e sliep fertiisd om te betinken wat dat wêze koe. Doe wist ik it allegearre wer en doe hearde ik ek de stim fan juffer Sudema, dy't rôp: ‘Menhear Van der Laan, it is healwei achten, hear.’ Doe't ik tsjin achten de keamer yn kaam siet hja al by de breatafel te wachtsjen, as hie der gjin ûnderbrekking west. It hie nea oars west, salang ik hjir op keamers wenne. ‘Ja, ik wie justerjûn net sa betiid thús,’ tsjânsele hja. ‘Mar doe't ik thúskaam wiene jo fuort en doe bin ik mar op bêd gien. Ik haw jo wol thúskommen heard, hear, mar ik tocht ik kom no mar net mear foar 't ljocht. En hoe hat de fakânsje foldien? Och krispes, menhear hoe komme jo oan dat each?’ ‘Kom kom,’ sei ik, ‘jo sjogge der mar bêst út. Jo hawwe it goed hân by jo suster sjoch ik wol. Dat each, seine jo? O, dat is de muoite net wurdich. Ik haw in sjoernalist metten justerjûn, sadwaande sjoch. It liket mear as it is, hear.’ ‘No,’ andere juffer Sudema tagedien, ‘ik hoopje mar dat it gau wat bekomt. Ik mei it net lije, hear. En jo binne sa'n kreaze man oars.’ ‘Tige fereare,’ sei ik, ‘mar fertel no earst ris oer jo suster en hoe't jo it hân hawwe yn Grinzerlân.’ Hja fertelde my der alles fan en ûnderwylst die ik de brochjetafel alle eare oan. Doe fertelde ik har it grutte nijs dat ik in sekretaresse oannommen hie, dy't aanst om njoggen oere komme soe. ‘Och heden, menhear, tinkt jo dat hja en ik it lyk fine kinne?’ | |
[pagina 52]
| |
Ik sei har dat ik dêr fêst fan oertsjûge wie, want - en doe foel my yn dat ik winliken fan de ferkearde kant begûn wie. Ik die it hiele ferhaal oer Saling en Geldau en it goe-minske stiene de triennen yn 'e eagen. Tsien minuten foar njoggenen waard der skille en juffer Sudema gie oerein om nei de doar. ‘As it Geldau is, har der ynlitte,’ sei ik, ‘as it de polysje is dan bin ik net thús.’ Hja fottele nei de doar en ik wachte. It duorre ryklik lang. Soe de polysje der dochs al wêze, frege ik my ôf. Sa betiid ferwachte ik dat winliken net, al lei it foar de hân dat Rinus in oanklacht yntsjinje soe. Hoeden draaide ik de kruk fan de doar om en helle dy in eintsje iepen. Ik hearde neat, dat ik seach ris foarsichtich om 'e hoeke. Dêr stiene beide froulju, juffer Sudema en Geldau, op elkoars skouder te gûlen, dat ik loek my mar wer tebek. Doe't hja even letter ynkamen, seagen hja moedich de wrâld yn. ‘Wat seine jo no krekt oer de polysje?’ woe juffer Sudema noch witte. ‘O,’ andere ik, ‘faaks dat de polysje hjoed of moarn wol komme sil om in ferklearring fan my. Dit blau-each, dêr't jo sa kjel fan waarden’ - ‘Watse, wat hast?’ frege Geldau der tuskentroch - ‘dat hat neat te betsjutten, lykas ik al sein haw. Mar no bin ‘k wol bang dat ik de man dy't it dien hat, in sjoernalist, justjes hurder rekke haw as hy my.’ ‘Wie it dy fint fan “It Nachtblêd”?’ frege Geldau lústerjend. Ik knikte har bemoedigjend ta. ‘O, Watse!’ en hja joech in tútsje op it blauwe each. ‘Dêr wurdt it al in hiel ein better fan, Geldau. Harkris, der is fansels kâns dat dy man nei de polysje rint mei in hiel ferhaal en dan moatte hja in ferklearring fan my hawwe en dat komt dan allegearre yn it proses-ferbaal,’ sei ik. ‘No is it wol dúdlik tinkt my, dat it sa, nee net op mar oan it each wol te s jen is dat it needwar wie fan myn kant. Mar dat nimt allegearre frijwat tiid, en dy tiid | |
[pagina 53]
| |
kinne wy op 't heden better brûke. Ik woe mar oan 't wurk. Sjoch, needwar-ekses, en sa soe men it wol neame meie, jout altiten in soad gebongel en gedoch. Dat kin krektlikegoed in oare kear, om mei Macbeth te sprekken.’ Doe naam ik Geldau mei nei myn keamer en sette har útien, wat neffens myn miening in goede administraasje fan in detektiveburo allegearre ynhâlde moast en wat der fan in sekretaresse ferwachte wurde koe. Ta adstruksje helle ik allerhande mappen en nea ôfbreide kaartsystemen foar 't ljocht en loege sa genôch papier op in steapel om immen wiken oan it wurk te hâlden. Ik skúnde har yn dat hja alles nei eigen goedfinen ynrjochtsje soe, mar leafst al sa, dat de dingen my temjitte kamen as ik der ferlet fan hie. Hja begûn fuortdaliks de boel troch te nimmen en de bedoelingen nei te freegjen fan elts systeem dat ik ris fan doel west hie by te hâlden. En al anderjend, mei alle algemiene opmerkingen dy't ik derby te pas bringe koe, wiene der gau in pear oere ferstrutsen. It wie alteast oer alven doe't it safier wie dat Geldau har allinnich rêde koe en ik de stêd ynsette. Ik ried wer nei oare kant 'e klaphekken en parkearre myn auto wer yn in oare strjitte as dêr't ik wêze moast. Ik woe dy Jacobs op nûmer 30 dochs ek noch even te wurd. Pour acquit de conscience winliken, want ik hie gjin hope dêr wat bysûnders te hearren. Sa kaam it út ek, mefrou Jacobs wie in alderaardichst minske, mar hja wist neat mear as de oaren fan de trageedzje dy't him njonken harren ôfspile hie. ‘Is it net ôfgryslik?’ sei hja mear as ien kear. ‘Wolle jo wol leauwe dat ik der oars fan waard doe't ik it hearde?’ Ik sei dat ik dêr skoan ynkomme koe en betanke har. ‘Och, it hie net folle te betsjutten,’ sei hja. ‘It muoit my dat myn man net thús is. Dy hie jo faaks mear fertelle kinnen. Mar ja, hy hat in keamer yn 'e stêd dêr't er oerdei lesjout en hy hat in mannich koaren, dat hy is de measte jûnen ek besteld.’ Ik sei dat ik de jûns noch wol even weromkomme woe, mar dat | |
[pagina 54]
| |
hie gjin doel sei mefrou Jacobs, want it wie ornaris al nei tolven dat har man thús kaam. ‘Mar moarnjûn is er thús. Witte jo, myn man sit altiten midden yn 'e stêd en mei al dy koaren, hy ken sa'n protte minsken. En it hat wol in kear of wat west dat der immen hjirnjonken op besite kaam, dat myn man sei, dat is dy en dy. Mar ja, ik koe dy minsken net, en dan ûntsjitte de nammen jin ek gau wer.’ Ik sei dat ik graach de oare jûns noch efkes oankomme woe en sette doe ôf. | |
IIDoe't ik 38 foarbyrûn koe ik it net litte om efkes yn 'e hûs op te sjen. Sibrich stie midden yn 'e keamer en ús eagen metten inoar. Hja stiek de hân op. Ik betocht my gjin momint, mar skille oan. Sadree't de bûtendoar efter my tichtfallen wie hie hja de earms om myn hals slein. Ik hime der suver fan doe't wy inoar begroete hiene. ‘Kom deryn,’ sei hja. ‘Ik haw krekt nije kofje set.’ Hja wie noch better as har wurd want behalven kofje krige ik ek noch in romer poerbêste konjak foar my. ‘En bist op it goede adres telâne kommen, Watse?’ frege hja mei in glimk doe't wy oer en wer wat deistige opmerkingen makke hiene. ‘Sneon bedoelst?’ sei ik en lake breed. ‘Jawis, ik bin moai teplak kommen, mar net fuortdaliks. Want do silst it net leauwe, mar der stiene fierderop yn it steechje efter de tunen twa keardels, dy't der beswier tsjin hiene dat ik dêr rûn.’ ‘O, sa kaamst dus oan dat blauwe each,’ lake hja, ‘want dat hiest hjir noch net en dat hast hjir ek net krigen!’ Ik joech dêr gjin andert op mar frege op myn bar: ‘Falt dat dan sa slim op?’ Ik hie nammentlik alle war dien om it wat wei te wurkjen, mar dat wie dan blykber net hielendal slagge, alhoewol mefrou Jacobs hie grif gjin niget oan my sjoen. ‘Wolnee, ju,’ sei Sibrich, ‘it is te sjen, mar mear ek net. It stiet dy | |
[pagina 55]
| |
bysûnder, ast it witte wolst. Mar do hast dus oan it fjochtsjen west?’ ‘Sa soe men it wol neame kinne, ja,’ sei ik luftich. ‘Alteast dy twa knapen kamen mei grut geweld en oprôle fûsten op my ta. Doe ha ik besocht har dúdlik te meitsjen dat ik dêr net fan hâlde. Ik haw se in tik jûn en doe hie ik fierder gjin lêst mear fan harren.’ ‘Binne se útnaaid?’ ‘Dat net. Safolle besleur hiene se net mear.’ ‘Hast se deamakke?’ frege Sibrich en har eagen glinsteren. ‘Sibrich, bist net wiis? Dan siet ik hjir no net. Want do witst ek wol dat dat net mei. Dan komt Ome polysje en dy berget jin op. En dêr hawwe se grut gelyk oan.’ ‘Mar wat hast dan dien, Watse?’ ‘Sa't ik sei. Ik ha se in tik jûn en der sa in stillibben fan makke. Yn it Frânsk is dat nature-morte, mar ik hâld net fan dy útlânske skoallen. Nee, jou my mar it stillibben, hear.’ Hja wie oerein gien en sei: ‘It is dat it hjir sa'n ynkyk is, oars soe ik dy in tút jaan op dat each, Watse. Lit ús efter sitten gean, dêr baarnt de kachel ek, dan kinne de suitedoarren ticht.’ Hja beheinde har net ta it each allinne, doe't wy ienkear efter op 'e grutte bank sieten, mar ik joech it surplus earlik werom. ‘Ik haw my wol ôffrege, Sibrich,’ sei ik, ‘hoe't dy mannen deryn kamen, hoe't hja wisten dat ik der wie.’ ‘O do dogeneat,’ lake hja spotsk, ‘do tochtst dat ik se op dy ôfstjoerd hie, watte?’ ‘Nee, dat tocht ik net. Dat koe ik net iens tinke om't ik dyn lippen su ver noch op mines fielde.’ ‘Mar dochs fûnst it nuver.’ ‘Ja, fansels. Moast ik it gewoan fine?’ ‘Och, men kin nuvere dingen dochs gewoan nimme. Do meist dan goed fjochtsje kinne... en goed frije... it tinken giet dy net sa linich ôf, leau ik. Hoe lang is dy steech no hielendal. Ien minút en do bist der trochhinne. En op healwei, nei tritich Sekûnden dus al, hat Sibrich oer de tillefoan twa - twa noch wol! - keardels ynhierd en nei dat plak tastjoerd, dêr't se op dy wachtsje!’ | |
[pagina 56]
| |
‘Sis, harkris,’ sei ik, ‘no besikest dochs wol in hiel dom mantsje fan my te meitsjen. Ien: ... ik haw dy net fertocht. Twa:... ik haw langer as in heale minút wurk hân, want ik hie noch yn in oar túntsje om my hinne sjoen.’ ‘Waskline-ynspeksje!’ ‘Sokssawat, ja. Mar ik hie tocht dat faaks út dit hûs wei, ien my sjoen hie. Do sjochst, der komt wat langer wat mear tiid. It hege wurd moat der mar út: ik tocht, miskien dat menhear Stelpstra...’ Hja boarste yn laitsjen út. ‘Ik sjoch net yn dat der wat te laitsjen falt. It soe dochs net sa frjemd wêze as dyn man...’ ‘Ik haw gjin man. Nee, dat is net wier: ik haw wol in man, mar hy is fuortrûn. Hy wennet hjir net mear. Hy hat my stikke litten of hoest it mar neame wolst.’ ‘Dy fint is net wiis,’ sei ik fol oertsjûging. Hja helle oan 'e skouders. ‘Och, dat wit ik net. Ik bin net sa maklik, dat wit ik sels wol, ik wol de hiele fint, begrypst. Ik leau dat er wurch waard fan my. Of faaks hat er in minderweardichheidskompleks skipe. Dat siet der niis by dy ek al oan te kommen doe't ik dy foarrekkene datst dy fersinne moast.’ ‘Ik haw gjin minderweardichheidskompleksen,’ ferklearre ik har, ‘en ik sil it dy bewize ek noch.’ ‘Besykje it ris!’ Ik wie kwalik op gleed mei myn bewiisfiering doe't hja my moanne even te wachtsjen. ‘Mei ik ris riede, watst bist? Ja? As ik it goed haw meist it net ûntkenne, hear. Unthjitst it? Ik tink datsto detektive bist, Watse. Ha, dat haw ik goed. En ik tink datsto dy saak mei dy Charlotte Keyzer en dy man, hjir fierderop, net fertroust en datst ris yn de tun dêre omsneupt hast... Dat hie ik net sizze moatten fansels, want no lôget it fûnkje fan ûnrêst wer yn dy op, no haw ik dy wer wantrouwich makke. Mar wier, it is inkeld myn ferstân en myn yntuysje, dy't my dat ynjouwe. Leau my. Wachtsje...’ Hja seach fol neitinken om har hinne. ‘Witst wat? Wy geane it hiele hûs troch, dan kinst dy mar oertsjûgje, dat ik gjin kearels ferburgen hâld yn kasten en kisten, dat der gjin teleskopen op it dak steane en watst fierder mar betinke kinst.’ | |
[pagina 57]
| |
Foar de foarm aksele ik wat tsjin, mar liet my graach meitroaie it hiele hûs troch. Alle doarren die Sibrich iepen, in lyts bytsje teatraal soms en hja frege: ‘Wurdt dy it hert al wat gerêster?’ De sliepkeamer hie hja foar it lêst bewarre. ‘En hjir is dan de ein,’ sei hja. ‘Ek hjir is nimmen en neat. As der alris ien yn dat grutte bêd leit, wa is dat dan? Sibrich, Sibrich poer allinne. Is it gjin skande? Mar sjoch no earst ek noch even yn de kleankasten.’ ‘Dat hoecht net, ik leau dy sa wol, Sibrich.’ Ik woe har tútsje, mar hja warde my ôf. ‘Nee, noch net. Earst yn 'e kasten sjen.’ Ik die wat my hjitten waard. Makke de kasten iepen, in lossenien en in djippe muorrekast yn 'e hoeke. Sibrich die de doar fan de linnenkast wer yn it slot wylst ik nei de oare rûn en doe hearde ik har sizzen: ‘Do moatst ek noch ûnder it bêd sjen. Ferjit dat beleaven net. Dat kin fataal wêze. Ja jonkje, silst op 'e knibbels moatte. Sjoch ûnder it bêd.’ Ik die it, foar in part om myn detektive-gewisse tefreden te stellen, foar in oar part om mei Sibrich mei te spyljen. Doe't ik wer oerein kaam seach ik har op my takommen. Hja wie poer neaken en lake koket: ‘En hjir is ek neat, sjochst wol? En no't de ynspeksje neat oplevere hat en ik troch it eksamen kommen bin wol ik in tút hawwe.’ Doe't wy goed en wol op bêd leine frege ik: ‘En as der no ien oan 'e doar komt en skillet?’ ‘Stil skilje litte,’ sei Sibrich. ‘Mar it soe al nuver wêze as der skille waard, want ik haw de skille ôfset.’ ‘Ferhip,’ sei ik, ‘mar dat haw ik ek dien.’ Wy prústen it út fan laitsjen, mar aldergeloks kaam der net ien oan 'e doar. ‘Wat soest sizze fan in kop sop?’ frege hja, doe't wy wer ûnder wiene. Op itselde stuit begûn hja te laitsjen. ‘Ja,’ ferklearre hja. ‘Ik haw in kollega en dy bestelt by alle gelegenheden in kop sop: Wat sil it wêze menhear? Kop sop! seit er dan altiten. En dêr moast ik ynienen oan tinke.’ ‘Kollega, seiste? Do hast dochs gjin baan?’ ‘In baan? Baan is tefolle sein, mar ik fertsjinje myn eigen kost wol, | |
[pagina 58]
| |
hear. No moatst net daalk sa ûlich sjen,’ lake hja der oerhinne. ‘No tinkst fansels wer allerhande kweade dingen. Nee, ik fertsjinje it mei de hegerein, hear.’ Doe't hja myn gesicht seach foege hja der oan ta: ‘Mei it holtsje, bedoel ik. Alimintaasje haw ik gjin ferlet fan; krij ik ek net. Ik rêd my hiel kostlik. Faaks is it mei dêrom dat er fuortrûn is. Ik bin skriuwster sjoch; hy hat by de polysje west. Hy is út tsjinst rekke. No koe ik de kost ek wol foar twa fertsjinje, mar dat woe Nanne - hy hjit Nanne - dat woed er net tink. Hy is fuortrûn. Hy woe net mear!’ ‘Stelpstra,’ sei ik, ‘Sibrich Stelpstra, ik leau net dat ik dêr ea wat fan lêzen haw.’ ‘Allicht net, ik haw ûnder myn famkesnamme publisearre en ûnder ferskate pseudonimen. Yn it Frysk haw ik skreaun: “De sulveren teetsjettel,” by de k.f.f.b., “De ikene klokkestoel,” “De kreamheinster fan de Lege Geaën” en “De ynfierene breid.” Dan haw ik ûnder pseudonym in bondel fersen útjûn, “Sangene Oksen”.’ ‘Ja,’ sei ik, ‘dy haw ik yn hannen hân, ik bedoel dy haw ik lêzen.’ Ik hie der yndied yn lêzen en it hie my by dy gelegenheid nochal geile poëzy talike. ‘Dat wie erotyske poëzy, n'twier?’ sei ik dêrom. ‘Untstien, nei't Nanne in skoft fuort wie,’ ferdúdlike Sibrich monter en droech mei in lege stimme foar: ‘O lis my
neaken op in stien
myn eagen binne sirkels
mar it midpunt
misse hja.’
‘Ja, it stiet my noch wol by,’ sei ik, ‘mar it wol my min oan dat men jins brochje tsjûk smarre kin fan sokke fersen.’ ‘Nee,’ lake hja no wer minder poëtysk, mar gâns minskliker. ‘Dan soe it der wol op útdraaie dat ik neaken op in stien op in houtsje bite moast. Gelokkich kin ik ek noch in oare kant út. Myn eigentlike ynkommen komt út de Hollânske boeken. Detektives; ik haw it libben skonken oan de grutte speurder Wim Wouda. ‘Het lijk in de piano,’ dêr is it mei begûn. Elts jier ros ik twa út 'e skriuwmasine | |
[pagina 59]
| |
en dat leveret aardich op. ‘Het rollende doodshoofd,’ ‘Drie minnaars op dun ijs,’ ‘De haat van de haastige dienstbode,’ ‘Balsem in het Zwembad’. ‘Hâld mar op,’ sei ik. ‘Ik haw se allegearre lêzen. Dy plots haw ik alle wurdearring foar, ik fyn se allegearre like knap. Wier. En no sit it my ek net mear sa dwers datst op it idee kommen bist dat ik detektive bin.’ ‘Och,’ joech hja ta, ‘dat wie foar in part wishful thinking. Ik woe sa graach ris in echte detektive moetsje. En do makkest krekt dy yndruk op my, dy't ik graach fan myn detektive jaan wol. Mar ik hie der ek oer neitocht hear. Ik tocht, dat is in nuver fersin fan ien, dy't der fierder sa oannimlik útsjocht, om by my yn it tún te kommen. Boppedat, wat moat immen efter út it tún wei, by immen op besite te kommen? Horis tinkt men dan, soed er miskien wat ûndersykje? No, doesto seist datst mei twa keardels fochten hiest wie ik der wol wis fan. En sa'n toer is it dan fansels net om dan dyn kommen hjirre yn it tún, yn dizze strjitte, dêr't oars nea wat bart, yn ferbân te bringen mei dat akkefysje op 32.’ Ik knikte. ‘Ja,’ gie hja fierder, ‘ik sis no wol lytsachtsjend “dat akkefysje” mar wolst wol leauwe dat ik der sa beroerd fan west haw dat ik der nachten net fan sliept haw. Krekt om't men altiten op papier mei de misdied ompielt, giet de grize jin oer de grouwe as der werklik wat bart. En om't ik altiten op papier mei myn detektives ompiel wie ik alhiel oerémis, doe't ik in echtenien seach.’ Nei it sop, in brochje en in bêste bel konjak waard it tiid om fierderop. Ik ûnthjitte har, nochris del te kommen en foaral de saak dêr't ik mei dwaande wie oan har foar te lizzen as ik fêst kaam te sitten. ‘Mar moarnjûn kin it net,’ betroude hja my ta, ‘tiisdeitejûns bin ik der noait. Dan gean ik mei in freondinne nei de bioskoop en dan geane wy neitiid noch efkes de stêd yn en dan wurdt it altiten nei middennacht.’ | |
[pagina 60]
| |
IIIHastich ried ik de stêd wer yn, parkearde de auto by de klok en gie nei it adres dat Lena my opjûn hie. De skille die neat, dat ik loek de doar iepen mei it toutsje dat út 'e brievebus hong. Binnendoarren stie ik fuort foar in steile trep nei boppen. Ik rôp in mannich kearen ‘folk’, mar der kaam gjin andert. Dat doe rûn ik de trep marris op en kaam dêr op in soarte fan oerloop, dêr't in tal doarren op útkaam. Ik rôp jitris, mar gjin teken fan libben waard jûn. De earste doar dy't ik iependie kaam út yn in lyts kokentsje, dat ik besocht in oarenien. Dêr hie ik mear gelok, want ik stie no yn in keamer, dêr't in bêd stie. Op it kessen in bosk ljocht hier, it hier fan Lena, dy't rêstich sliepte. Ik gie op in stoel sitten, de iennichste dy't leech wie en ik sei mei klam: ‘Lena!’ Hja ferroerde net. Jitris en jitris neamde ik har namme, mar hja sliepte rêstich troch. Doe stapte ik op it bêd ta en sei deun by har ear: ‘It muoit my om dy bern, mar do silst no dochs even wekker wurde moatte.’ Ik pakte har by it skouder en rôp: ‘Lena. It is tiid hear.’ En wrychtich, der kaam beweging yn. Hja sloech de eagen op en sei: ‘Kristes, wat meitsje jo my kjel, man.’ Hja kaam heal oerein, sadat in grut, bleat boarst te sjen kaam en rôp hertlik: ‘Ha, dy Watse. Ik hie dy noch net ferwachte oars. Ik lei even te sliepen want ik wie wurch, mar ik bin no wer hielendal wekker hear. Ik haw nijs foar dy.’ Hja wipte de skonken oer de râne fan it bêd. ‘Do wurdst net kjel, wat, hast wolris faker in faam sjoen no...’ Hja begûn oan har toilet wylst ik my weromlutsen hie op myn stoel. ‘Ik moat my earst wat opkreazje, hear. Dan kinne wy prate,’ sei hja wilens. Hja kroaske earst nei de wasktafel dêr't hja har mei in waskpûdsje alhiel wosk en die en tripke doe ear't hja har ôfdroege nei | |
[pagina 61]
| |
de gaskachel om dy wat heger te setten en poetste doe noch mei soarch har tosken. ‘Hè, sa fielt men jin wer minske,’ sei hja, wylst hja in broekje oandie en in beha út 'e kast krige. ‘Dat tref ik,’ lake hja, ‘dizze wol sa min fêst, mar dat kinsto no moai even dwaan.’ Ik wie al oerein om har te helpen mar ik koe it net litte en lis by dat helpen even myn hân op har boarst. Hja liet skraach merke dat hja it fernaam, mar doe't it heakje fêstsiet draaide hja har om en joech my in flechtich tútsje. ‘Tankewol, Watse,’ sei se. Se sette noch gau even wetter op tusken de bedriuwen troch en loek in pear knappe hoazzen oan, in himdsje en in jûpe deroerhinne. ‘Sa, en no noch in bakje tee; do wolst dochs ek wol tee, Watse? - en dan kinne wy prate.’ Sa sieten wy even letter tegearre oan 'e tee. ‘Ik bin bliid, datst kommen bist,’ ornearre hja. ‘Oars soe ik my fersliept ha. Net dat dat no sa slim is, mar de middei is my der te goed ta.’ Hja fertelde my dat hja wist wa't de freondinne fan Charlotte Keyzer west hie. It wie in Bé Groenestein, dy't de kant fan de Aldehou út wenne. Hja hie it adres opskreaun. ‘Se hjit Baefke, mar eltsenien neamt har Bé, dat dêr sille wy it ek mar op hâlde.’ Hja rikte my in stikje wyt fan in krante oan dêr't it adres op stie. Ik priizge Lena foar har flotte wize fan wurkjen, betanke har mei in tút en sei dat ik gau by Bé sjen woe. ‘Ik haw it mei alle wille foar dy dien,’ sei hja. Laitsjend foege hja der oan ta: ‘Do witst myn adres, ast my nedich hast, kinst my fine. En it knipke hoecht der net foar iepen, hear.’ ‘Leau mar dat ik it ûnthâlde sil,’ sei ik, ‘mar fergees, dêr hâldt men de hûnderttûzen net fan oer, Lena.’ ‘Dat bart dochs net,’ lake hja. ‘Mar is it mooglik yn jim fak,’ woe ik witte, ‘om - lit ús sizze mei goed tritich jier, twaensechtichtûzen gûne efterút te hawwen?’ Lena loek djippe earen yn 'e foarholle. ‘Ik soe net ien witte, dy't dat oprêdt,’ sei hja, ‘teminsten hjir yn Ljouwert net. Ik doar fan de helte net iens dreame.’ | |
[pagina 62]
| |
‘Do hast dus noch gjin fyftichtûzen yn it kammenetslaadsje?’ frege ik, heal glimkjend. ‘Bist n't wiis. Mar dat hindert neat, hear. Wy krije likegoed as in oar skielk ek ús aow.’ Mei dizze wittenskip ferliet ik Lena en joech my op 'en paad nei Bé Groenestein. Dy har went wie al wakker gelyk oan Lena harres, mar Bé wie net botte oansjitsk yn it begjin. Hja besocht earst my fuort te stjoeren, mar doe't ik sei dat ik inkeld om in ynljochting kaam en dy wurden wat meijoech yn 'e foarm fan in briefke, lykas de Nederlânske Bank dy makket, woe hja my yn elts gefal oanhearre. Doe't ik ferklearre dat ik in freon wie fan Saling Lageveen, dy't tagelyk mei har freondinne Charlotte omkommen wie., doe waard der dochs wat by har wekker. ‘Ik stean dy saak net,’ sei ik, ‘en ik wol útsykje hoe't it him wier tadroegen hat. Ik bin der wis fan dat der kwea opset efter sit, en ik jou it net oer ear't ik wit hoe't de foarke yn 'e stôk sit.’ ‘Dat mist dy net,’ sei hja bitter. ‘Yn sa'n gefal hat men ek nea wat oan dy sleauwe polysje. Dy stiet altyd klear om jin op te skriuwen as men ris ien of oare man oansprekt, mar as der wier wat bart, dan komt men by harren foar de winige doar.’ Op myn fragen wat der neffens har foarfallen wêze koe, hie hja lykwols gjin andert. Wol ferklearre hja har ree de fragen dy't ik har stelle soe sa goed mooglik te beänderjen. ‘Doe't Charlotte dat hûs kocht, hie se de sinten doe lizzen? Ik freegje dat, om't it hûs dalik betelle is en der is gjin hypoteek op nommen.’ ‘Wolnee,’ sei Bé resolút, ‘fansels hie se dy net. Safolle kin men net oerfertsjinje yn dit bestean. Wier net. Mar it wierre Charlotte mei. Hja koe fia fia jild krije op maklike betingsten.’ Ik ornearre dat hja it jild dan wol krigen hawwe soe, want der hie him net ien mei in skuldbekentenis, of sokssawat oantsjinne. Ik hearde ek noch fan Bé dat ‘fia fia’ gie oer in man by namme Durk Visser, dy't it allegearre foar Charlotte ‘fersierd’ hie. ‘En Baefke,’ sei ik, al hie ik oant no ta Bé sein: ‘Hast dêr wolris by Charlotte yn 'e hûs west?’ | |
[pagina 63]
| |
Baefke slokte even en sei doe: ‘Ja., ien kear mar. Se hie it o sa moai, en wolle jo wol leauwe dat ik suver wat oergeunstich wie. Letter muoide my dat wol, mar ik koe it op dat stuit mar min hawwe. Wat is in minske soms in raar ding no?’ Ik knikte. ‘En no Baefke, no is der noch ien ding dat ik stommegraach witte wol. Op dy dei... no ja, de deis dat it barde, hat dêr ek in man west dy't der wol faker kaam en dêr't ik winliken fan witte moat wa't it is en wêr't er syn thús hat.’ Doe beskreau ik de koarte, grize reinjas, mar ear't ik klear wie, rôp Baefke: ‘Mar dat is him.’ ‘Wa?’ woe ik witte en harke mei spanning. ‘No, dy Durk Visser! Dy man dy't har oan de sinten holpen hat.’ ‘Bist dêr wis fan?’ ‘Dat mist net. Sa't jo him beskriuwe, dat kin nimmen oars wêze. Dat is Durk Visser. Mar dy sil dochs net... Nee, dat kin net.’ ‘Nee,’ sei ik kalm, ‘dy is it net, hear. Mar hy is de wichtichste tsjûge dy't wy hawwe. Hy is de man dy't ús fertelle kin, wat wy witte moatte om klearrichheid te krijen. Fansels fertink ik him net, mar hy soe ús ynljochtsje kinne...’ Hja knikte dat hja it begriep. Hja joech my doe syn adres, mar sei derby dat it wol in toer wêze soe om him thús te treffen. ‘Hy is der lang net altyd,’ sei hja, ‘hy... no ja, hy hat wat.’ ‘Hoe bedoelst? Mealt it him?’ Baefke skodde útdruklik fan nee, en glimke troch har benearens hinne. ‘Dat net, as er goed is dan sit der in heldere kop op. Mar ja, dat moat' jo treffe... Hy... no ja, hy...’ Hja makke in gebeart as stiek hja harsels mei in nulle. ‘Do woest sizze... en is er dêroan ferslave?’ ‘Folslein.’ | |
IVDoe't ik by de auto kaam wiisde de klok in minút of wat foar seizen, dat dan moast ik meitsje dat ik thúskaam. | |
[pagina 64]
| |
Geldau wie der noch, hoewol't wy ôfpraat wiene dat hja om healwei seizen fuort soe. ‘Mar it wie sok spannend wurk Watse, en ik haw in hiel soad dien fyn ik sels.’ Ik priizge har en sei dat ik it aanst gau besjen soe. ‘Boppedat, Watse, ik wie ûngerêst.’ ‘Ungerêst? Ei kom ju.’ ‘Nee, wier. Do wiest de hiele dei fuort. Bist foar-iten al fuortgien en do lietst neat wer fan dy hearre. Ik wist net wat ik deroan hie; ik hie mar sa'n idee datst op 'e middei der wol wer wêze soest, dat ik doarst ek net rjocht nei hûs. Der koe dy dochs ek wat oerkaam wêze.’ ‘Bist net wiis?’ sei ik, mar tagelyk betocht ik dat dat nuver sizzen wie, krekt tsjin Geldau. De triennen stiene har dan ek yn de eagen. ‘Do hast gelyk. It wie sleau fan my. Mar ik bin ek noch gjin sekretaresse wend, sjochst. Altiten in frije fûgel west, dêr't nimmen him om bekroade. Mar ik ûnthjit it dy, it sil oars. Ik sil tenei sizze wêr't ik hinne bin en as it ryklik lang duorret dan skilje ik wol ris even nei hûs. Dêr sit op 't lêst in juffer by de tillefoan!’ Hja lake my tankber ta. ‘En wêr hast de hiele dei sitten, Watse?’ ‘Efter de froulju oan,’ sei ik fol oertsjûging. ‘Ik leau dat myn dei goed bestege is.’ Geldau wist net rjocht wat se der fan tinke moast. Net begripend, hast in bytsje ferwitend, seach hja nei my. ‘Ja, want ik haw in spoar,’ gie ik fierder, ‘ik wit wa't de man mei de reinjas is en ik wit ek wêr't er wennet. Ik sil jûn daalk ris by him sjen.’ ‘Watse, is 't wier? Mar wês foarsichtich, Watse.’ ‘Fansels, bern. Wês mar net benaud. Ik hoopje dat ik dy moarnier mear fertelle kin. En no sis ik net: gau nei hûs. Ik sis: bliuw by ús te iten.’ Geldau aksele tsjin, sei dat juffer Sudema der net op rekkene hie. Mar dat hie se mis, sei dy en tilde it lid op fan de fleispanne. Trije moaie karbonaden, dat even letter sieten wy trijeresom by de tafel. Dat hie it foardiel dat wy net hieltiten oer de saak praten, mar as normale boargers oer ditten en datten. Dat wol sizze, | |
[pagina 65]
| |
meast oer juffer Sudema har suster, oer dy har man en bern, oer dy har hûs en tún en oer wat juffer Sudema tocht fan Grinzerlân en de Grinzers dy't se no krekt fjirtsjin dagen meimakke hie. Nei iten sieten wy noch even freedsum mei-inoar by de tafel en doe brocht ik Geldau mei de auto nei hûs, wêr't wy by de doar mei in ‘oant moarn’ ôfskie namen. Ik ried fuort troch nei it adres dat Baefke my opjûn hie. Dat wol sizze, ik socht plak foar de auto en gie it lêste ein rinnende. It wie in ferbeane ynrit en boppedat woe ik de wein dêr ek net sa opsetlik foar de doar stean hawwe. De man wie der net, dat ik swalke de stêd wer yn en dronk in calvados yn ‘De Septer’. Doe besocht ik it jitris. Net thús! Ik dronk in pilske yn ‘De Hynstebek’ en besocht it wer, jitris bier yn ‘Casablanca’ en op 'e nij besykje. Bier yn de ‘Flamingo Bar’, Visser noch net thús. Ik dronk bier by Van der Ley en by Mebius, sûnder dêrnei de fûgel op it nêst te finen. Ik kaam twares yn 'e kroech dêr't Lena tahâlde, mar hieltyd slagge it my net Durk Visser te finen dêr't ik him socht. Om healwei ienen joech ik it oer. Moarn al wer dei en rie, tocht ik en ried de auto yn 'e garaazje. Ik kroep gau op bêd, mar ynstee fan fuort yn 'e sliep te fallen ferhûge ik my jitris oer myn bûtenwenstige dei en foaral lei ik noch lang wekker by de weromtins oan myn besiik by Sibrich. |
|