Wês foarsichtich, Watse
(2000)–Jo Smit– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 42]
| |
IJorrema siet noch yn in feale badstoffen trui doe't ik delkaam op in bakje kofje. Alle driuwen fan syn frou, Jeltsje, koe dêr neat oan feroarje. ‘Asto mar knap optúgd bist,’ sei er, ‘dan let it allegearre neat. Tochtsto dat Watse net witte soe dat it snein is.Ynpleats fan efter my oan te fiterjen hiest my wolris priizgje mocht om't ik my fan 'e moarn knap skeard haw. En do witst der moat al wat bysûnders barre as ik my op sneintemoarn de kop skraabje. Ik ferwachtsje dus dat Watse mei nijsgjirrige dingen komme sil. Haw ik ûngelyk, Watse?’ De swarte klûntsjes knapten yn 'e kopkes doe't Jeltsje dêr de hjitte kofje opskonk, wylst ik al myn betinkingen tsjin de offisjele lêzing oer Saling syn dea ferhelle en derby fertelde hoe't ik op ûndersiik út west hie. ‘My tinkt, dat ik aardich befêstiging krige haw fan myn ideeën,’ sei ik, ‘doe't ik yn it tún sjoen haw fan it hûs dêr't it foarfallen is. Doe't ik wer fuortgean woe stiene der twa keardels op my te wachtsjen yn 'e steech.’ Jorrema wie ynienen fol oandacht. ‘Watfoar mannen wiene dat?’ woed er witte. Sa goed as ik koe beskreau ik beide hearen en Jorrema ornearre dat it Ilestikene Jentsje en Romke de Rún wolris wêze koene. ‘Boadskipjonges, moatst rekkenje,’ wist hy dêroer te fertellen. ‘Gjin mantsjes dy't men om sa te sizzen yn ferbân bringe soe mei it gruttere wurk. Do witst wol, lju dy't der net fan hâlde om de bealch te brûken, mar dy't temin fantasije hawwe en meastentiids | |
[pagina 43]
| |
ek te lef binne om it de kant fan de misdied oer te sykjen. Dy Romke hawwe wy in kearmannich by ús hân yn ferbân mei fjochterij en fierder s hawwe se allebeide in rychje feroardielingen efter de rêch foar allerhande lytse akkefysjes. Faaks wiene se dêr poertafallich. Wat woene se fan dy?’ ‘Hja hiene der gewoan beswier tsjin dat ik dêr wie, mar wêrom, dat hawwe de hearen my net útlein. Ik hie mear as in lyts idee dat hja my tenei komme woene.’ ‘En doe hasto eigen rjochter spile,’ snuorre Jorrema. ‘No... eigen rjochter,’ andere ik, ‘eigen rjochter? Asto no sein hiest, skoalmaster, dan sei ik “ja.” Ik moast se wat fatsoen bybringe, begrypsto? Ik hoopje wol dat it ta har trochkrongen is, mar hielendal wis bin ik dêr net fan, want se sliepten allebeide, oan 'e ein fan 'e les.’ ‘Hast dat wol oan de polysje trochjûn?’ woe Jorrema witte. ‘Dat hja dêr yn dat túntsje leine te sliepen? Kom no!’ ‘Ik mei dy graach lije, Watse,’ sei Jorrema, ‘mar do bist ferrekte ûn-etysk. Un-etysk, sei ik, en dom. Want dom bist ek noch. De polysje hie har dochs freegje kinnen wat hja dêr moasten?’ ‘Ja! En dan sij fertelle dat master har sear dien hie! Nee, menhear! Boppedat bin ik der wis fan dat hja diel útmeitsje fan in gruttere organisaasje,’ en ik fertelde wat my de jûns wjerfearn wie mei de auto's. Jorrema floite tusken de tosken. ‘Bliksem Watse, soest dan dochs gelyk hawwe? Wat kinne wy foar dy dwaan?’ ‘Wachtsje op myn tillefoantsje,’ sei ik. ‘Sjoch, ik wit fansels noch mar o sa'n bytsje, mar ik hoopje dat hja benaud wurde, dat hja stomme dingen dwaan sille, en ik ûnthjit dy, sadree't ik wat mear wit en earne myn fingers efter krije kin, dan warskôgje ik. Mar ien ding kinst fuortdaalk al foar my dwaan. Dy Charlotte Keyzer wat witte jim dêrfan?’ ‘Och, neat bystûnders winliken. No ja, it wie ien fan de flakte, net ûnsjoch en goed by de tiid, nei't sein waard. Mar net ien dy't wy spesjaal op it each hiene.’ ‘Hja wenne noch mar in goed fearnsjier op dat adres,’ foel ik him | |
[pagina 44]
| |
yn 'e reden, ‘en ik haw begrepen dat hja dat hûs kocht hie. Kinst no even foar my neigean wêr't hja earder wenne, wa't de ferkeaper fan dat hûs west hat en hokker notaris derby ynskeakele west hat en al soks?’ ‘Dêr wie ik al bang foar datst my dat freegje soest,’ sei Jorrema, ‘dat ik hie alris in pear kladsjes by inoar socht.’ Hy riisde oerein en helle in papier fan syn buro. It wie in fotokopy fan de ferkeapakte fan it hûs. ‘Geweidich,’ sei ik waarm. Jeltsje seach blier fan de iene nei de oare. De keapakte dielde mei dat Charlotte Keyzer berne wie te Ljouwert, twaentritich jier wie, oan 'e Griene Wei wenne en ƒ62.000 foar it hûs delteld hie. It adres naam ik oer en ik frege, wylst ik op de tsjûgen út de akte wiisde: ‘Wa binne dat?’ ‘Gewoan beropstsjûgen. Neat bysûnders,’ sei Jorrema. ‘Ek de ferkeaper wurdst net wizer fan. In eigener fan in stikmannich huzen dêre, dy't er wol kwyt wol. Sjoch - wy hiene dat allegearre al neigean litten - en it is allegearre nochal negatyf, of posityf, krekt watst wolst.’ ‘En dat jild,’ woe ik witte, ‘hoe kaam se oan it jild?’ Jorrema helle oan 'e skouders. ‘Wat sil men dêrfan sizze? Hoe komt dat soarte fan froulju oan 'e sinten? It is in hiele slompe jild, dat jou ik ta, mar dy froulju fertsjinje net sa min. De ferkeaper hat har der ek net nei frege. Ja, letter, doe't de buorlju kamen mei har beklach, doe wied er poerrazen. Doe hat er ek noch by ús west te rachen en te skellen.’ ‘Dan hied er dus net safolle gefoel foar humor as juffer Keyzer,’ sei ik en wiisde op it berop dat yn it dokumint opjûn wie: Charlotte Keyzer, naaister. ‘Hen?’ sei Jorrema, ‘o, dat. It is datst it seist, ik soe der net opkommen wêze. Mar dat is gjin humor, sa steane se hast allegearre beskreaun. Witst dat net?’ Ik wist it wol, mar no it dêr sa planút yn dat ûnnoazele notarisproaza stie, fûn ik it dochs wol komyk. ‘Fuoi,’ sei Jeltsje, ‘wat dogge jim it mâl.’ Dat brocht it ferhaal op oare dingen en wy sieten fierder gesellich | |
[pagina 45]
| |
mei-inoar te kofjedrinken. Ik fertelde fan myn reis nei Bretagne en fergeat suver wat myn kommen hjir west hie. Ear't ik fuortsoe lykwols frege ik Jorrema noch even nei de man mei de reinjas, dêr't ik it sinjalemint fan joech. ‘Mei dy man soe ik stomme graach ris prate wolle,’ sei ik. ‘As jimme him sjogge en syn adres hawwe, wol ik dat o sa graach witte.’ Jorrema ûnthjitte my dat hja der omtinken oan jaan soene en doe naam ik ôfskie. | |
IIDe middeis wie ik by Geldau, dy't ik gâns te fertellen hie. Hja fleure der alhiel fan op, dat dêrnei koene wy ek gewoan oer harsels prate. Hja fertelde dat hja de hiele wike as yn in dream libbe hie; it kantoar dêr't hja as sekretaresse wurke, hie hja opskille om te sizzen dat hja net kaam. Hja hie it net opbringe kinnen en gean gewoan oan it wurk, mar thús fleach it har ek oan, dat hja woe no moarn mar wer begjinne sei hja. ‘Ik haw sein dat ik hielendal net wer kaam, mar se sille noch wol net in nijenien hawwe tink ik. Ik moat der moarnier marris hinne.’ Ik frege har dat net te dwaan en der ris oer nei te tinken oft hja foar my net it buro fersoargje woe. ‘Ik wol dochs meikoarten in twade man oanlûke,’ sei ik, ‘en it bedriuw wat better ynrjochtsje. Do witst ik hie altiten noch hope hân, dat Saling him nochis betinke soe en him mei my assosjearje en dêrtroch is it der oant no ta wat by bleaun. It is no sa, as der foar my skille wurdt, dan nimt juffer Sudema de tillefoan oan. As it mooglik is nimt se it boadskip oan en skriuwt it sawat op en fierder seit se meastentiids: menhear sil jo jûn wol weromskilje. Do begrypst, dat is mar heal spul allegearre. En benammen op 't heden soe ik graach wolle dat der immen by de tillefoan siet, dêr't ik wat oan oerlitte kin en dy't ek fierder wat oarder op saken stelt. Wolst it dwaan, Geldau?’ ‘Ik soe neat leaver wolle,’ sei hja, ‘as ik dy sa fan tsjinst wêze kin, | |
[pagina 46]
| |
dan haw ik it gefoel dat ik sels ek wat doch om dy smearlappen yn hannen te krijen.’ ‘Dat moat foar dy wol in reden wêze,’ joech ik ta, ‘en ik wit dan, dat der immen thús is dy't de holle brûkt en dy't net benaud is. Dat is ek belangryk, de kommende tiden.’ Ik wie bliid dat de saak beklonken wie. Net inkeld om Geldau, dy't wat om hannen hawwe moast, dat har libben sin en doel joech yn earsten, mar ek foar mysels; it wie gjin gelegenheidssmûsje dat ik nedich in sekretaresse hawwe moast. Dat it wie my suver rom om it hert doe't ik op 'e neimiddei nei hûs ta kuiere. Wat in frommes, dy Geldau, oertocht ik, en ik makke my jitris luik op Rinus, dy't sa'n karikatuer fan har makke hie yn syn stik. Fan har en fan har Saling ek. Doe't ik yn ‘De Septer’ kaam om te iten bestelde ik earst in byfstik-tartaar, mar doe foel myn each op it wurd Pilaw, ûnderoan de spyskaart. Ik rôp de ober werom en frege wat wantrouwich oft it echte pilaw wie, want dat woe my net oan. De ober fertelde dat hja noch in groep Perzen ferwachten dy't op it stuit in ekskurzje makken troch Fryslân. Dêrfandinne dat de kok pilaw makke hie. ‘Dus ik mei derop rekkenje dat it net in soarte mislearre nasi of sokssawat is?’ frege ik. ‘Menhear kin derfan op oan,’ fersekere de ober my, ‘de kok hat justermiddei der sels op út west om moai skiepfleis, dat it is grif goed. Alhoewol, it lokket my net oan.’ ‘No, my wol,’ foel ik him yn 'e reden. ‘It is keardelsiten, en dat is no krekt wêr't ik sin oan haw hjoed.’ ‘Dus gjin byfstik-tartaar?’ frege de ober jitris foar alle wissichheid. ‘Pilaw foar my,’ sei ik koart. Dy man soe mei syn gejeuzel my it miel noch bedjerre. Tige foldien gie ik nei it iten nei hûs ta, dêr't ik my noflik deljoech mei de Rimen en Teltsjes. Ik siet oan kertier oer tsienen ta te lêzen, doe lei ik it boek oan kant en lies it knipsel út ‘It Nachtblêd’ jitris troch en gie de stêd yn. | |
[pagina 47]
| |
IIIBy ‘It Nachtblêd’ baarnde ûnder en boppe ljocht. Ik kaam de hal yn, dêr't efter de baalje in juffer siet mei in batterij fan tillefoan-tastellen. Hja makke de yndruk fan in bytsje slûch te wêzen, mar se seach my hoopfol oan, doe't hja frege: ‘Kin ik jo fan tsjinst wêze?’ Hja hie koperkleurich hier en porsleinblauwe eagen. ‘Bliuw rêstich sitten, leave,’ sei ik, ‘ik woe menhear Tiemersma even sprekke. Der baarnt ljocht boppe, dat hy sil der wol wêze tink ik. Ik wit it paad.’ ‘Ik wit net, menhear,’ twivele hja, ‘menhear Tiemersma is oan it wurk en wol dan leafst net steurd wurde.’ ‘Mar dat treft hielendal,’ sei ik fleurich, ‘hy sil bliid wêze dat er my sjocht.’ Ik rûn de trep op nei boppen en fûn syn doar. Nei in lyts tikje op 'e doar die ik iepen en seach mei-iens yn it gesicht fan Rinus, dy't my grammitich oanstoarre. Ik sei neat en hy frege bokkich wat ik fan him moast. ‘Ik bin oan it wurk en dan ...’ ‘... wolst net steurd wurde. Teminsten, dat sei dat mokkeltsje by de baalje.’ ‘Hja hearde my te skiljen ear't hja immen nei boppen tagean lit,’ sei er ferûngelike, en op deselde toan fierder geand: ‘Ik miende dat jo yn it bûtenlân sieten.’ ‘Dat wie ek sa,’ andere ik, ‘mar ik bin juster wer thús kommen. Te let om op begraffenis fan myn freon Saling, mar eardernôch om de kranten dy't oer syn dea skreaun hawwe te efterheljen. Hjirsa,’ ik helle it knipsel foar 't ljocht, ‘dit hat Rinus der allegearre útkoarre yn dy rotkrante fan sines.’ Rinus kaam oerein. ‘Dat is in ympresje fan my, ja. Mei dat soms net?’ frege er út 'e hichte. ‘En it binne de offisjele feiten. It muoit my ek, mar sa is it en net oars. En soademiterje no op, wolsto? Ik haw mear te dwaan.’ ‘Ik ek, heite. Do hast Saling kennen, net sa goed as ik miskien, mar dochs goedernôch om te witten dat dy ympresje nearne nei roait. En watst oer syn faam skriuwe doarst dat is der wol safier by troch.’ | |
[pagina 48]
| |
‘Ik ken it goede sloof net iens,’ foel Rinus út. ‘As ik har oars foarsteld haw as hja is, dan is dat inkeld bard om it dwaan fan Saling te ferklearjen. Mar wat hasto dêrmei nedich?’ bearde er lilk, ‘dêr is de doar! Donderst op of moat ik dy derút sette litte?’ Hy hie de hoarn fan de tillefoan al beet, mar ik wie al by him en sprate myn fingers oer it tastel. ‘Gjin sprake fan. Wy sille dit earst even útprate.’ ‘Gean fuort,’ raasde er, ‘donderje op!’ Doe't ik stean bleau soed er my mei de tillefoanhoarn op 'e kop slaan. Ik die krekt op 'e tiid de holle fansiden, dat hy rekke inkeld myn skouder mar, al kaam my dat hurd genôch oan. It wie yn elts gefal foldwaande oanlieding om ta dieden oer te gean. Mei de knokkels fan myn lofterfûst sloech ik sa fûl op syn hân dat hy liet de tillefoan falle. Hy sprong lykwols op my ta, mar ik krige him te pakken by de strik en rekke him mei de flakke rjochterhân op it wang. ‘Dat is foar de oanslach mei de tillefoan,’ sei ik, ‘en dit ek noch,’ wylst ik him mei de rêch fan deselde hân op it lofterwang sloech. ‘Beest,’ hime er en besocht my te skoppen, wylst syn hannen nei syn hals taasten, dêr't de strik him wat stiif skynde te sitten. Ik liet de strik los en heakke syn lofterfoet ûnder him wei, dat hy kaam oer 'e flier telâne. Mar ik wie der daalk wer by om him oan de strik oerein te hisen. ‘Hjirsa,’ rôp ik, ‘dit is foar Saling,’ en ik feegde him twaris oer it lofter- en oer it rjochterwang. Syn noas begûn te blieden en der kaam ek wat bloed út 'e mûlshoeken. Wurktúchlik fage er mei de hân oer it gesicht en seach sa it bloed. Even stie er ferbûke, doe wied er ynienen troch it mâle hinne. Mei de fûsten foarút sprong er op my ta en rekke my wêr't er my reitsje koe. ‘Beest,’ gûlde er, ‘grou beest!’ Ik seach kâns syn lofterpols beet te pakken en draaide syn earm op 'e rêch. Mei myn frije lofterhân rekke ik him jit ien kear rjochts fan 'e kop en mei de rêch fan 'e hân lofts. ‘En dat is foar Geldau,’ sei ik. Hy stroffele efterút en kaam plat op 't gat op 'e flier te sitten mei syn rêch tsjin in stoel oan. ‘Goare sadist,’ sistere er. ‘Dit silst gewaar wurde. Do bist noch net | |
[pagina 49]
| |
fan my ôf. Rotsak!’ Hy wriggele oerein en socht hâld oan de stoel. Ynienen tilde er dy boppe de holle en kaam op my ôf. Hy helle út, mar ik wie fansiden sprongen en joech in traap tsjin syn hân. Yn deselde feart skopte ik de stoel oan kant. ‘En dit,’ graude ik, wylst ik myn rjochter yn syn magestreek stjitte, ‘dit is foar dyn rottige sjoernalistyk yn it algemien.’ Ik hie myn folle gewicht efter dy lêste stomp setten en dat wie him te mânsk. Hy siigde derhinne. Hy wie net op syn moaist sa, seach ik mei foldwaning. Syn gesicht wie blau en ferbolgen, der sipele wat bloed by del, syn strik wie in suterich toutsje en de board teskuord. Mar hy sykhelle noch, want op syn mûle kaam in buolle fan bluodderige flibe. It ljocht fan de burolampe wjerkeatste dêryn, as in lyts kwea-each. In ympresje fan my, sei ik tsjin mysels, wylst ik de doar efter my tichtloek. Oan 'e ein fan 'e gong wie in fonteintsje en dêr gie ik earst even hinne om mysels yn de spegel te besjen. It foel my net ta. Myn iene each wie blau, der rûn wat bloed by 't wang del en de knokkels fan beide hannen wiene iepen. Myn lofterskouder fielde as wie dêr wat brutsen en der wiene ek in pear ribben dy't in reis hân hiene grif. Ik smiet in pear hanfollen kâld wetter oer myn gesicht, kreaze my wer wat op en fielde my aardich foldien. De faam seach my nijsgjirrich oan doe't ik ûnderkaam. ‘Dat hat nochal even duorre,’ sei hja. ‘Der wie ek noch tillefoan, mar it tastel boppe wie hieltyd yn petear.’ ‘En watfoar petear!’ andere ik. ‘O ja,’ frege se. ‘Wie der wat bysûnders?’ ‘Kom ris hiel ticht by my, dan sil ik it dy yn it ear lústerje.’ Hja line foaroer op de baalje, wat my in kostlik eachweid joech by har dochs al lege hals yn. Ik bûgde my foaroer dat myn holle deun by harres kaam en tute har ûnder it each. ‘Mar menhear,’ sei hja. ‘Sis dat wol,’ ornearre ik en hâlde har holle tusken myn hannen. Hja toete de lippen en wy tuten inoar. ‘It wie lang, mar it wie tige de muoite wurdich,’ ferklearre ik. Hja knikte. Ik joech har noch ien tút en sette ôf. By de doar kearde ik | |
[pagina 50]
| |
my noch even om: ‘As menhear aanst noch net dellein hat, meist wolris even by him sjen, leave. No, it bêste hear. Oant sjen!’ Al fielde ik myn ribben wol yn it gean, dochs sette ik fiks de stap deryn. Under de brûs oertsjûge ik my derfan dat der neat stikken wie en nei't ik myn smertlapen bemastere hie kroep ik op bêd en sliepte as in onger. |
|