Wês foarsichtich, Watse
(2000)–Jo Smit– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 9]
| |
IDe ober yn ‘De Septer’ begroete my freonlik en brocht my myn kofje as hie ik gjin dei mist. No is tsien dagen ek net folle, mar foar my hiene dy wylde dagen yn Bretagne sa fol yndrukken west, dat ik my suver ferwûndere dat alles noch by itselde wie. De jachtweide wie noch krekt gelyk, de taap wie net feroare, de lêstafel joech noch deselde ympresje fan oardere gaos. De kranten dy't ik trochblêde fersterken dat gefoel fan net fuort west te hawwen. Nuver wie dat, oertocht ik wylst ik heal automatysk de bieden omtearde, nuver... As men der is bart der fan alles dat o sa wichtich liket, en as men dan... Bliksem! Ut de pagina fan de krante, dy't iepen foar my lei, hie in namme him losmakke, in namme dy't deselde wie as fan myn freon Saling. Hastich eage ik de kolommen lâns om de namme Lageveen, dy't op myn netflues kommen wie, werom te finen. Ik seach lykwols neat stean, dat ik begûn jitris fan lofts boppe ôf, metoadysk diskear. Ik hie my dochs net fersind? Mar dêr fûn ik it, in lyts berjochtsje dat de slachtoffers, dy't ferline wike tongersdei troch in Dútske hoeder deabiten waarden, mejuffer Ch. Keyzer en de hear S. Lageveen, begroeven wiene. S., dat koe Saling wêze fansels, mar Lageveen is in namme dy't men wol mear heart n'twier. En dan dy juffer Keyzer. Dat wie Geldau yn elts gefal net. Mear nijsgjirrich as ûngerêst frege ik nei de kranten fan de foarige wike, want dy leine net mear op 'e steapel. Wylst de jonge der om út wie, dronk ik myn kofje en tocht nei oer it frjemde funksjonearjen fan ús each. | |
[pagina 10]
| |
It wie gâns in steapel kranten dy't ik foar my krige en ik skifte gau dy fan freed en sneon derút. De kranten fan freed hiene it allegearre, mar ik waard der net folle wizer fan. In man en in frou wiene deabiten troch in Dútske hoeder. De man it earst, want de frou hie de polysje noch skille, mar doe't dy oanriden kaam wiene hja beide dea. Hja wiene yn in steat fan ûntklaaiïng, neffens alle ferslaggen. De namme fan de frou wie Charlotte Keyzer, de man wie Onbekend en de hoeder wie ôfmakke. De kranten fan sneon wisten de namme fan de man: it wie de hear S. Lageveen, fertsjinwurdiger út Ljouwert. Dat kaam dochs wol as in skok, want dat koe alhiel op Saling slaan. Fierders sug-gerearren de kranten yn sedige bewurdingen dat juffer Keyzer foar hoer siet, ommers der stie sokssawat as: ‘Der wurdt tocht dat mej. Keyzer, dy't wol mear manlju yn har wente ûntfong, de hear Lageveen, dy't dy jûns mei de trein nei Ljouwert kaam, op 'e strjitte oansprutsen hat en by har thús ynvitearre. De hûn, in ûnoarmen Dútske hoeder, sil jaloersk wurden wêze’ ensfh. Dat wie Saling net, dat koe Saling net wêze tocht ik. Mar ik wie ûngerêst, ik fielde my beneare. Dat ik bestelde in calvados en frege oft ik even skilje koe. Ik draaide it polysjeburo en frege nei Jorrema. Ik fertelde him wat my dwers siet en sei: ‘Moatst my myn gemoedsrêst weromjaan.’ It bleau even stil. Doe kaam de slach: ‘It muoit my foar dy, Watse, mar it is Saling al. En it sil wol gien wêze lykas de krante skriuwt.’ ‘Mar...’ stammere ik. ‘Ja,’ sei er, ‘ik wit watst sizze wolst, mar alles wat ús minsken dêr fûn hawwe wiist der op, dat it gien wie sa't de krante seit.’ It bleau even stil, hy wie blykber útpraat en ik koe neat sizze; ik koe net. Mar Jorrema spriek wer. ‘No ja, dat hiele ferhaal yn “It Nachtblêd” komt út 'e tomme fansels. Ik soe my mar net iens lulk meitsje, dêroer. Do witst wol, in pear feiten en in soad ynterpretaasje. Mar goed skreaun fansels, dat wol. No Watse, sterkte hear. Ik hoopje, dy gau werris te sjen.’ Klik, dêr gie de hoarn op 'e heak oan 'e oare kant. Even bleau ik yn de sel stean, oant ik fielde dat it bloed wer nei | |
[pagina 11]
| |
myn gesicht werom begûn te kommen. ‘It Nachtblêd, ferdomme,’ sei ik en ik gie wer nei myn kranten. Ik bestelde noch in calvados en begûn oan it artikel yn ‘It Nachtblêd.’ It wie gâns in ferhaal. Goed skreaun hie Jorrema sein en dat wie sa. Nammen waarden der net yn neamd, behalven dy fan it frommes, Charlotte, en fan de hûn, Kazan. In nijsgjirrich ferhaal ek. In ferhaal dêr't ik earst by flokte om't it alhiel Saling net wie, lykas er hjirút nei foaren kaam. En Geldau, dêr't it bestean fan oantsjut waard, kaam der út as in karikatuer. Lykwols wie it in nijsgjirrich ferhaal, omdat it de yndruk makke op de feiten te berêsten en krekt dêrtroch sjen liet, dat it net strykte. Doe't ik klear wie mei myn lektuer, hie ik in gefoel fan grammitige tefredenens. It koe net wêze lykas it hjir stie, de saak stonk. Saling wie net it slachtoffer fan in swak momint en in ûngelok dêrnei; Saling wie yn in kûle fallen dy't willemoeds foar him groeven wie. Hoe of wat, dêr wist ik noch neat fan, mar ik fielde hoe't de grutte grime yn my opwâle wie, en ik fersei mysels: Wa't jim ek binne dy't dêr efter sitten hawwe, jim binne noch net fan Watse ôf. In taksy brocht my thús, dêr't it ûngesellich en leech wie. Juffer Sudema wie fuort en lykas ôfpraat wie soe hja de moandei weromkomme. Der lei gâns post en dêrby wie ek in roukaart fan Saling, mei noch in briefke fan Geldau, dêr't hja yn te witten die dat hja ferskate kearen besocht hie my te berikken, mar dat it spitigernôch hieltyd mislearre wie en dêr't hja my yn frege om fuort oan te kommen as ik wer thús wie. Doe't ik de post trochnommen hie, geat ik my ien yn, gie der maklik by lizzen op 'e bank en tocht nei. Ik oardere jitris de betinkingen tsjin de kranteferhalen en gie moai krekt nei wat my te dwaan stie. Folle kanten koe ik net út en it muoide my no dûbeld dat de lêste ôfspraak mei Saling misbeteard wie. Hie dat trochgien, dan wist ik allicht wat er by de ein hân hie de lêste tiid, en dan soe ik moai grif de ien of oare tried yn hannen hawwe. En no, ferdoary hie ik neat. | |
[pagina 12]
| |
No ja, behalven dat ferhaal dan, foaral lykas it yn ‘It Nachtblêd’ stie, ûndertekene R.T. Dat wie Rinus wist ik en ik lei foar mysels fêst, dat ik him sadree't de tiid it taliet, ris opsykje soe om him te fertellen hoe't ik oer syn sjoernalistyk wurk tocht. Dy tasizzing oan mysels makke dat ik my wat nofliker fielde. Saling wie dea, mar ik fielde dat ik it him ferplichte wie de man geweken te nimmen dy't himsels tastie syn ferloofde te húnjen. Myn freon, tocht ik, myn bêste freon. Wat hiene wy al net mei ús beiden belibbe, hokfoar hichtepunt hie it west doe't wy yn 'e mande de saak fan de stellene dokuminten oplost hiene. Doe hie ik it beslút nommen detektive fan berop te wurden en ik hie Saling frege dat ek te dwaan en mei ús beiden in buro op te rjochtsjen. Mar hy woe net. Hoe't ik ek pleite, dat er kwaliteiten hie dêr't ik net oan takaam, mar dat wy mei ús beiden ûnferwinlik wêze soene, hy woe net. ‘It soe my ferfele,’ sei er, ‘ik wit wol, oar wurk ferfeelt my ek, mar dan is der altiten ûntwyk yn wat speurwurk der tusken troch. As ik it lykwols foar myn brea dwaan soe, nee jonkje, dat kin net.’ Nee, wist ik no wol, Saling hie tefolle fan de artyst, om somlike dingen beropsmjittich te dwaan. Ek tefolle, om him net mei hert en siele mei in saak dwaande te hâlden, as dy op syn wei kaam. Ik wie der wis fan dat er earne efteroan sitten hie de lêste tiid en dat dat him de dea yndreaun hie. Dea, Saling dea, it wie net te begripen. En dan de groulikens fan dy dea.Tebiten, ferskuord, troch in meunster fan in hûn. Ik geat my noch ien yn, swolge dy op en gie nei de garaazje. Even letter stie ik by Geldau foar de doar. | |
IIIk skille oan en hja die iepen. ‘Kom deryn,’ sei Geldau, en doe't ik yn it gonkje stie: ‘O, Watse.’ Hja lei de holle tsjin de boppekant fan myn jas en snokte even. | |
[pagina 13]
| |
Ik kloppe har op it skouder. Hja kaam rjocht oerein, fage mei de hân oer it antlit en sei: ‘'t Is al wer oer. Kom gau yn 'e keamer.’ ‘Ik wit hoest dy fiele moatst,’ prate ik tsjin har. ‘Ik haw mei dy te dwaan. Hy wie myn freon, mar foar dy is it noch oars.’ It wie suver alles wat ik sizze koe, mar hja wie kalm en glimke begripend. ‘Wolst wat drinke?’ frege hja doe't wy foar inoar oer by de hurd sieten. ‘Wat sil it wêze, tee of wat oars?’ ‘Wat oars mar,’ andere ik en hja woe sels ek wol in drankje. Wylst hja de glêzen reesette en de flesse foar it ljocht helle naam ik har ris goed op. Wat in prachtfaam wie it. Har gesicht stie no wat strak, mar har bewegingen wiene linich as dy fan in ree. Hja hie in swarte lange broek oan en in trui dy't har foarmen goed útkomme liet. Dit wie in frou, dêr't eltsenien foar falle koe. ‘Ik haw de kranten lêzen,’ begûn ik, ‘en dat strykt folslein net mei wat der bard wêze moat.’ ‘O, dat fynst dochs ek,’ sei hja graach en hja fertelde hoe't hja besocht hie de polysje út te lizzen dat de offisjele lêzing net krekt wêze koe en dat der mear efter sitte moast. Nei't ik begriep hiene hja har minlik oanheard, mar hja hiene har net leauwe wold, al hiene hja dat sa net sein. Lykwols de saak wie foar har ôfdien. ‘Foar my net!’ ûnthjitte ik lûdop. ‘Kinst dy yntinke,’ andere hja, ‘dat ik my der makliker ûnder deljaan kin as ik ienkear krekt wit wat der foarfallen is, as ik wit wa't de skuldigen binne?’ Ik knikte. ‘Ik wol dy wol sizze, dat it foar my ûnferdraachlik is. Ik wol it dy wol sizze: ik wol wraak.’ Har eagen glânzgen. ‘Ik ek,’ lústere hja, ‘ik ek.’ ‘Witst ek, wêr't er mei dwaande wie?’ woe ik witte, ‘wa't er efter siet?’ Fertrietlik skodde hja de holle. ‘Ik soe it net witte. Hy hat it nearne oer hân.’ Ik seach har oan en hja ferfolge: ‘Hy hie wol wat, dat wit ik. Ik haw him sels frege wat it wie, mar hy sei doe dat er gjin wissichheid hie, mar dat as syn fermoedens krekt wiene it in grutte saak | |
[pagina 14]
| |
wurde soe. 't Is mar better neat te witten, sei er. It binne gefaarlike knapen. Mear koe ik net út him krije.’ ‘It is net folle,’ sei ik en knikte har bemoedigjend ta, ‘mar it is yn elts gefal wat. It jout hâldfêst oan wat ik sels al betocht haw.’ ‘Hast op syn keamer west?’ frege ik fierder. Hja fertelde dat hja syn guod, syn boeken en syn papieren der weihelle hie en dat dy hjir no yn 'e hûs wiene. ‘Dy papieren?’ ‘Dêr wie neat by, hielendal neat, mar do meist sels noch wolris sjen...’ ‘Graach aanst,’ sei ik, ‘mar no moatte wy earst alles nochris neigean. Ik wit wol, it falt net ta.’ Mar hja skodde krêftich fan nee en hâlde út dat hja alles, alles dwaan woe wat mar mei mooglikheid fan help wêze koe. ‘Syn keamer,’ frege ik, ‘hast alles...’ ‘Ja, ik haw goed om my hinne sjoen en fierders, dêr bin ik wis fan, haw ik alles meinommen wat dêre fan him wie. Allinne...’ Hja stûke. ‘No?’ besocht ik te helpen. ‘Ja, it is hiel nuver, mar ik hie it gefoel - it wie inkeld mar in gefoel hear - dat my dêr immen foar west hie, dy't de boel neigien hie. Net dat der oanwizingen wiene... Ik soe se alteast net neame kinne. Dochs, ik kin der net foarwei, ik hie dat gefoel. Alles wie kreas, ik bedoel, der wie grif net hastich immen troch hinne flein, mar, ja...’ Hja helle oan 'e skouders. Ik seach har freegjend oan. ‘No ja, foar myn gefoel wie it wat te kreas oardere, net... net alhiel echt, begrypst?’ Ik knikte en wie mear oertsjûge as hjasels wie en dat kaam om't ik in hillich respekt haw foar de froulike yntuysje. Dêrom wie ik der wis fan, dat oaren - ferkearden - yn Saling syn keamer west hiene en by it tinken dêroan allinne fielde ik dat de grutte grime der noch wie. ‘No earst it slimste mar,’ sei ik en helle it stik út ‘It Nachtblêd’ foar it ljocht, dat ik der yn it kafee mei in skearmeske útsnijd hie. Hja seach ferbûke. ‘De smearlappen,’ preuvele hja, ‘de smearlappen.’ | |
[pagina 15]
| |
‘It stik is fan Rinus,’ sei ik, en doe't hja my freegjend oanseach: ‘fan Rinus Tiemersma, in redakteur fan dy krante. Ik ken him al sûnt jierren, mar wat ik freegje woe, hawwe jim inoar wolris metten?’ Beret skodde hja fan nee. ‘Wolnee, ik haw noch nea fan dy man heard, lit stean dat ik ea mei him praat haw.’ Ik glimke. ‘Dat woe my ek al net oan; Rinus soe him dan grif net sa grouwélich fersind hawwe. Mar syn portret fan jimme sil him noch rouwe.’ No glimke hja. ‘Do wiest net tafallich syn freon, Watse.’ ‘Lit ús no tegearre dit ferhaal ris neigean,’ gie ik fierder. ‘It beskriuwt hoe't Saling mei de trein yn Ljouwert oankomt. Kin dat sa wêze?’ ‘Jawis, hy hie nei Utert west en dan gie er nea mei de wein, mar altiten mei 't spoar. Boppedat, dat hat de polysje my ferteld, wiene der tsjûgen. Der wiene guon dy't him sjoen hiene. De man by de útgong fan it stasjon ûnder oare. Nee, dat is wol wis. Hy is mei de trein fan goed tsien minuten oer seizen yn 'e stêd kommen.’ ‘En witst ek hoe let oft de polysje dêre... yn dat hûs bedoel ik, wie?’ ‘Ja, dat wie tweintich minuten oer sânen.’ ‘Dan moat it dus hast wol wier wêze dat er fuortdaliks fan it stasjon nei Huzum kuiere is.’ Stom knikte hja en seach fertrietlik yn it fjoer. ‘Goed, dan komt foar my de earste grutte en wichtige frage: wat kin in man as Saling der ta brocht hawwe, om mei sa'n frommes op te rinnen...?‘ Geldau loek oan de skouders. ‘Net wat de krante hjir suggerearret,’ gie ik troch, ‘dat perfoarst net...’ ‘En al wie it al sa, wat dan noch,’ boarste hja fûl en hertstochtlik út. ‘Do leaust my dochs, Watse, as ik sis dat der dêrom foar my neat feroarje soe. Faaks is it wol wier.’ Hja snokte en foel jitris út: ‘En wat dan noch! Wat wit ik...’ Ik foel har yn 'e reden. | |
[pagina 16]
| |
‘Do faaks net. Mar dat wit ik tafallich al. Hy soe, en dêr bin ik sa wis fan as wat, nea samar mei sa'n frommes meigean... dêrfoar. Ik soe dy ek noch wol útlizze kinne hoe't ik dat wit, mar dat is net nedich, ik wit it. Dêrmei út. Mar krekt dêrom dizze fraach: wêrom gie er al mei? Ik haw der niis thús al oer neitocht en ik wit it andert. Omdat hja wichtich wie foar syn ûndersiik, om't hja wat wist.’ ‘Hie hja him dat dan net dêr by it stasjon fertelle kinnen? Of oars yn in kafee, of wit ik wêre? Dêr hoegde er dochs net foar mei har nei har hûs?’ ‘Dat haw ik ek al yn my omgean litten. Ik nim oan dat it har hûs wie, as dat net sa wie hie de polysje dat ek wol witten. Harkje, Saling koe dat frommes en hja koe him oan in beskaat gegeven helpe. Mar it sil wat west hawwe, dat net samar ferteld wurde koe, dêr't in gong nei har hûs foar nedich wie. No binne der twa mooglikheden, haw ik úttocht. It kin gearhingje mei de lizzing fan dat hûs; it kin bygelyks wêze dat men út dy went wei eat sjen koe dat wichtich wie foar Saling. It kin ek wêze dat hja thús it ien of oar hie, dêr't Saling belang by hie om it te sjen. Yn dat gefal kinne wy der wis fan wêze dat it dêr no net mear is.’ Hja hie wer wat kleur op 'e wangen krige en preuvele: ‘Ja, ja... Do hast gelyk. Sokssawat moat it wêze.’ Ik gie fierder: ‘Dan folget der yn it stik in hiel soad dêr't wy neat fan witte en dêr't wy ús ek net fan oertsjûgje kinne. It earst-folgjende feit is dat de polysje opskille wurdt.’ ‘Troch dat frommes.’ ‘Miskien,’ andere ik, ‘miskien net. Kontrolearber wier is dat de polysje opskille is troch in frommes, of alteast troch in frouljuslûd dat seit dat Charlotte Keyzer sprekt en dat har hûn in klant deabiten hat. Wês no even op dyn iepenst. Wy hawwe gjin inkelde wissichheid dat Charlotte Keyzer wier wier sels oan 'e tillefoan west hat. It iennichste dêr't wy wat dy frou oanbelanget wis fan binne is, dat hja ek dea is as de polysje by har oankloppet. Ik wit net iens oft it wol in frommes west hat dy't telefonearre. De polysje heart in wat heech senuweftich lûd dat har bekend makket as Charlotte Keyzer en heart dan automatysk in frouljuslûd. Wa | |
[pagina 17]
| |
by de polysje ken de stim fan Charlotte Keyzer, net ien foar 't neist. As myn earste ferûnderstelling goed is, en dy is goed, dan hat Charlotte alhiel net in klant hân en dus kin se dat ek net tsjin de polysje sein hawwe. Ik tink foar 't neist dat in oar, in frommes, mar byneed in man har namme neamd hat om de polysje te warskôgjen. En as myn ûnderstellingen goed binne, dan wie dat in treflik plan om de spoaren fan in misdied ûnsichtber te meitsjen. De polysje is fuortdaalks delsetten kommen en hat in skriklik ûngelok konstatearre. Se hawwe de hûn deasketten en dêrmei wie foar har de saak ôfdien.’ ‘Mar dy hûn...’ ‘Ik wit watst sizze wolst. Ja, dy hûn, dat sil grif de skuldige wol wêze, mar dan moatte der minsken efter sitte, dy't it dwaan fan dy hûn stjoerd hawwe. En it kin him út noch yn tadroegen hawwe lykas yn dit ferhaal stiet. Rinus wol úthâlde dat Charlotte de hûn oanhyst hat, en dat hja der doe mei oan wie, en de polysje skille mei it boadskip dat de klant har de klean fan 'e lea skuorde en dat de hûn him doe oanfallen wie. Dêrom woe hja oar ûnderguod oandwaan, dat se fynskuorre koe. De Dútske hoeder ken de frou wol, mar hy hat gjin kunde oan it poerlik neakene frommes dat er dan sjocht en dêrom falt er har ek oan. It skynt dat de polysje der krektsa oer tinkt, mar it is fansels folsleine ûnsin. Harkje: in hûn is in hûn is in hûn. In hûn hat oare sintugen as in minske. Wat Rinus beskriuwt binne de reaksjes fan in minske, fan in eagedier, net fan in hûn. In hûn hat oare sintugen as in minske. De wrâld fan in hûn wurdt yn it foarste plak opboud fia syn noas: it is de rook, dy't by in hûn, ek by in hoeder, foar alles giet. Dan komt it ear en leau my, noch de rook, noch it lûd fan Charlotte feroare mei it útlûken fan wat klean. Dêrom leau ik neat fan dat hiele ferhaal, it kin gewoan net wier wêze. En dan noch wat: dy hûn dy't twa minsken deabiten hat, dy sit dêr moai as de polysje komt! No wit ik wol wat fan hûnen ôf, ik ha sels in jiermannich lyn in hoeder hân en ik wit dat dy gefaarlik wurde kinne. En dan binne se troch alles hinne en net samar wer koes. Mar se kinne ôfrjochte wurde en no liket it der in soad op dat hjir in spesjaal ôfrjochte hoeder yn it spul wie, en dat | |
[pagina 18]
| |
dy troch de dieders opoffere is om it allegearre echt lykje te litten. De polysje trape der yn: hja hiene súkses. Mar Geldau, ik wol net dat hja súkses hawwe. Hearsto, ik wol it net.’ ‘Mar ik wol it likemin, Watse,’ sei hja en suver optein foege hja der oan ta: ‘Ik leau datst gelyk hast. O, wat bin ik bliid datst werom bist. Ik haw dy mist ferline wike, ik haw alles besocht om dy berjocht ta te krijen; ik tocht hieltiten, wie Watse mar thús. Ik begryp it wol, datst der wolris efkes hielendal út wêze woest en ûnberikber foar eltsenien, mar likegoed fûn ik it freeslik. No krij ik wer in bytsje moed.’ ‘Tanke, Geldau,’ sei ik. ‘Mar do moatst dit wol yn 'e rekken hawwe, wy binne der noch net. Op gjin stikken nei. Wy witte net iens mei wa't wy te krijen hawwe. Lykwols, wy binne noch net klear mei it ferhaal. Nim my net kwea, mar de fraach docht him foar: wat koe in man, wat koe Saling der ta bringe om him út te klaaien. Hy hie allinne mar in himd oan, seit it ferhaal. Hast him noch sjoen?’ Dat lêste frege ik, mei't ik seach dat de triennen har yn 'e eagen stiene. ‘Ja,’ andere hja tankber, ‘en hy lei der sa moai by. Se hiene him in wynsel om 'e hals dien.’ ‘Gelokkich,’ sei ik, ‘mar ik stelde krekt in fraach en ik ha dêr ek in andert op. Dat andert is, dat der net wat te betinken is dat Saling dêr frijwillich ta bringe soe. Foar dat frommes is it faaks wat oars, mar sjoen alles wat wy no witte - en ik mien werklik witte en net mar miene te witten - leit it foar de hân dat hja ek net frijwillich yn dy tastân kaam.’ ‘Faaks dat harren neitiid de klean útlutsen binne,’ sei Geldau wifeljend. ‘Nee,’ andere ik, ‘nee, dêr leau ik neat fan. Dan hie dat oan 'e klean te sjen west, dan hie der bloed yn sitten, en al soks. Sa sleau is de polysje op 't lêst ek wer net, dat dy mooglikheid kinne wy wol útslute. Mar fêst stiet foar my dat hja dêr op ien of oare wize ta twongen binne, en dat hja machteleas wiene doe't de hûn op har oanhyst waard. Sels in ôfrjochte hûn hie oan Saling net in bêstenien hân. Hy sil dy dochs grif wolris ferteld hawwe dat wy | |
[pagina 19]
| |
efter dy dokuminten oansieten en hokker aventoer wy doe ûnder Barrahûs belibbe hawwe?’ Hja glimke en knikte my tankber ta. ‘Wis, dat hiele ferhaal wit ik. Wat bin ik bliid datst der bist. Witst Watse, ik koe der net útkomme, ik wie der mei oan, allinne. Ik fiel my folle better no.’ Ik knikte har bemoedigjend ta, mar gie fuort troch: ‘Wy kinne de saak sa gearfetsje. Saling hat Charlotte Keyzer ynskeakele om foar him it ien of oar op it spoar te kommen. As er fan de trein komt stiet hja by it stasjon op him te wachtsjen en hy giet mei har nei hûs om't dat op de iene of oare wize needsaaklik is. As hja by Charlotte thús binne slacht de fijân, dy't wat yn 'e noasters krigen hat, ta. Hoe of wat dat witte wy net. It is mooglik dat Charlotte dûbeld spul spile hat, mar dat leit net foar de hân, want hja is sels ek slachtoffer. De fijân, dêr't wy net fan witte hoe machtich dy is, hat wol harsens, want hjir wurdt praktysk in folmakke misdied bedreaun, mei help fan in hûn, dy't hja ta tank offerje. Wy witte dus yn elts gefal dat Saling in fijân efter siet dy't in libben mear of minder net telt. Hy hie dy fijân it fjoer al moai nei oan 'e skine lein, want de wize wêrop dy weromslacht wiist behalven op de needsaak in wichtige tsjinstanner it swijen op te lizzen, dochs ek op wraak. De metoade is sa abnormaal, dat ek wa't sint op in folmakke metoade om in tsjinstanner fan kant te meitsjen it sa net betinke soe. Inkeld immen dy't fol sit fan frustrearre gefoelens, fan wraakideeën sis mar, soe soks úttinke.’ Even sieten wy stil foar ús út te sjen, elts mei syn eigen tinzen. ‘Mar wat kinne wy no dwaan, Watse?’ frege Geldau driuwend, ‘wat kinne wy no dwaan?’ ‘Dat is faaks net in soad,’ andere ik har, ‘mar it earste is de feiten neigean. Ik soe bittere graach mear witte wolle fan dy Charlotte. Ik wol witte oft hja in hûn hie, ik wol derefter komme wat hja mooglikerwize witte koe en al dat soarte dingen mear. Ferjit net, dat wy hielendal net witte wêr't Saling efteroan siet, en wa't dyjingen binne dy't er yn 'e skjirre hie. It bêste sil wêze dat ik marris begjin.’ ‘Begjin?’ frege hja net begripend, ‘hoe begjin?’ | |
[pagina 20]
| |
‘Eartiids,’ lei ik har út, ‘eartiids gyngen Saling en ik gauris mei ús beiden út te fiskjen. Op it Waad, mei steande netten. As wy de netten hiene te stean, makken wy in soad trammelant; wy sloegen op it wetter en dan wie der ynienen in hiel soad libben en beweech. De flsk dêr't it ús om begûn wie, mar ek oar guod, krabben en oar ûnrant besocht yn feilichheid te kommen. Sa wol ik no ek. Ik begjin mar mei ris op it wetter te slaan en dan marris sjen wat him allegearre fansiden rept. No ja, fansiden, der is fansels altyd noch in moaie kâns dat it op my ta komt.’ ‘Silst dochs wol foarsichtich wêze?’ Der wie in waarme tagedienens yn har lud doe't hja it frege en ik sei har graach ta dat ik op myn iepenst wêze soe. ‘Wier Geldau, ik bin op myn hoede,’ sei ik, ‘en ik haw dit foar, ik wit dat ik mei libbensgefaarlike eleminten te krijen haw.’ ‘Watse, wês foarsichtich,’ sei hja jitris, ‘ik haw allinne dy noch om op te fertrouwen, do inkeld kinst soargje, dat syn dea sinfol wurdt; dat der wraak nommen wurdt.’ Ik ûnthjitte it jitris mei klam en doe bûgden wy ús tegearre oer de papieren en guod, mar sûnder dat dêr ek mar it lytste bewyske út nei foaren kaam, dat nei de saak ferwiisde dêr't Saling mei dwaande west hie. Doe't der neat mear te bepraten foel naam ik ôfskie. It moed wie ús beide fol, mar dochs wiene wy fleuriger as doe't ik kaam. ‘Ik tidigje op súkses,’ hâlde hja my foar en tute my op it wang. Ik joech har in tút werom, ek op it wang, en sei dat ik myn bêst dwaan soe. Fuort letter stapte ik yn 'e auto en ried dat út nei Huzum om it hûs fan Charlotte ris op te nimmen. | |
IIIIk parkearre de wein oan it begjin fan de strjitte en gie geandefoet fierder. Doe't ik by nûmer 32 wie, it hûs fan Charlotte, koe ik sa wol sjen dat it hûs leech stie en dat der gjin libben yn wie. As in | |
[pagina 21]
| |
sljochtwei foarbygonger rûn ik troch en notearre yn myn ûnthâld dat op nûmer tritich in Jacobs wenne, dy't musikus wie en op nûmer 34 in GJ. van Dam. Ik rûn de strjitte oan 'e ein ta del en gie oan 'e oare kant lâns werom. Rjocht foar 32 oer wie nûmer 39 en dêr skille ik oan. A. Jansma-van de Heuvel stie der op it nammebuordsje. Grif in widdo, ornearre ik op 't skik, want widdowen hawwe it yn 'e regel efkes better oan tiid en sjogge gauris skerper as oaren. In oannimlik frommes die de doar op. ‘Mefrou Jansma, tink?’ sei ik en ik lichte de hoed. Hja knikte en ik gie fierder: ‘Mefrou, ik kom fan de Herfoarme Tsjerke en ik soe jo graach in pear dingen freegje wolle. Mei ik even ynkomme?’ Dat koe, andere hja en noege my fierder, mar ûnder it rinnen al fertelde hja my dat hja lid wie fan it Humanistysk Ferbûn en dus winliken net safolle belang hie by de Tsjerke. Doe sei ik fuortdaalks mar dat ik dêr ek net it measte belang by hie, mar dat ik net graach lang by de doar stean woe en dêrom in ferlechje betocht hie om binnendoarren te kommen. Hja waard der net kjel fan en hearde my rêstich oan doe't ik fertelde dat it lot fan myn freon my hjirhinne brocht hie. Ik sei har dat ik twivele oan it offisjele stânpunt fan de polysje en hja toande har fol meifielen. It wie yn it foarste plak myn doel, liet ik har witte, om wat ynljochtingen te sammeljen oer har oerbuorfrou Charlotte Keyzer. ‘Wolle jo wol leauwe,’ sei hja, ‘dat ik noch nea witten hie hoe't hja hiet. Ja, no wol fansels, want it hat yn 'e krante stien.’ ‘Wannear is hja hjir kommen te wenjen?’ woe ik witte. ‘O, noch net sa botte lang ferlyn hear, in foech fearnsjier sawat tink ik. Wat wie dat wat. Earst wist ik nearne fan. Mar al ridlik gau hiene de buorlju it deroer dat hja gâns besiik krige. No ja, dêr hie ik gjin lêst fan, n'twier. Mar guon hjirre yn 'e strjitte wiene poer, hja woene har beklach dwaan by de húsbaas. Mar doe die bliken, dy hie it hûs oan har ferkocht. It is de hjitting dat er dêr in hiele knoarre jild foar bard hat. Ik leau dat der neitiid noch in pear foaroanmannen nei de gemeente west hawwe om te kleien. Mar wat jout dat?’ ‘Wiene der wol manlju,’ woe ik witte, ‘dy't der faker as ienris kamen? Ik bedoel, guon dy't geregeld de loop dêr hiene. | |
[pagina 22]
| |
Wiene der by dy besite wol manlju, dêr't jo, sil ik mar sizze, fan tochten: hea, dêr hawwe jo dy ek wer?’ Mefrou Jansma skodde neidruklik fan nee, mar dat wie mear in automatisme, sa't like, want tagelyk rôp hja suver blier út: ‘Jawis al, in wat âldeftich persoan. Ja, jo seine man, en dat wie it fansels ek wol, mar men soe ek sizze kinne: hear. Ek wer net hielendal, sawat tuskenbeiden, moat jo tinke, in heareftige man!’ Mei gâns pinfiskjen krige ik dochs sokssawat as in sinjalemint. De persoan koe fyftich, mar ek wol sechtich jier wêze, hie in tige bleek antlit, en wie fan tuskenbeiden grutte. Altiten rûn er mei in griiseftige hoed op en in dûnkerder grize carcoat oan. ‘Watsei,’ frege ik ferheard. ‘O, sa'n koarte reinjas,’ ferdudlike hja. Wy wiene ynienen beide slop fan laitsjen, hja om myn ferheardens en iksels om't it wurd sa'n kluchtige yndruk op my makke. Ik hie it fansels fakernôch lêzen en ik wist ek wol krekt wat hja bedoelde, mar it hearde sa eigenaardich. Hawar, wy kamen wer ta de saak en hja fertelde noch dat it wat in houtene Klaas wie, mar fierders wist hja gjin bysûndere kenmerken. ‘En dy kaam dêr dus gauris?’ woe ik witte. ‘No ja, gauris, wat neame jo gauris?’ andere mefrou Jansma. ‘Boppedat jo moatte net tinke dat ik alles sjoch wat der yn 'e strjitte omhear giet. Fansels, as ik hjir by 't finster sit te breidzjen dan falt it each soms ûnwillekeurich op wat der bûten bart. Mar it measte ûntgiet my hear. Gauris, soe ik net sizze doare. Mar ik haw him dochs wol ferskate kearen opmurken. Dy deis, jo begripe wol, dy deis dat it barde, haw ik him noch sjoen.’ ‘Hoe let wie dat?’ Ik flapte it der krekt te fluch en te spand út, mar ik hie mysels fuortdaalk wer yn 'e stringen. ‘Nim my net kwea dat ik jo yn 'e reden foel, mar it ynteressearret my wol hoe let oft dat wie.’ Mefrou Jansma glimke fermoedsoenjend. ‘O, mar dat let neat hear!... Hoe let oft it wie wolle jo witte... no, ik soe sizze fiif oere, healwei seizen. Ik tink tichter by healwei seizen as by fiven.’ ‘En hawwe jo him ek wer ôfsetten sjoen?’ | |
[pagina 23]
| |
‘No't jo it freegje, nee. Ik haw him net wer fuortgean sjoen. Jo moatte rekkenje, om dy tiid hinne moat men ornaris mei it iten oan 'e gong. As ik der no nochris oer prakkesearje: ik haw har ek net fuortgean sjoen en dat moat doe ek sawat west hawwe, want ik seach har letter thúskommen mei in menhear.’ ‘En soene jo noch witte hoe let dat wie?’ ‘Dat is ien ding, dat kin ik jo krekt fertelle. Ik mei altiten graach efkes nei Pipo sjen, ik hie de tv al oanset mar Pipo wie noch net begûn, dat ik stie efkes foar 't finster te sjen en doe seach ik se thúskommen. Doe't se de doar efter har ticht diene wie Pipo der ek en doe bin ik dêre, yn dy stoel sitten gien. It wie dus krekt tsien minuten foar sânen doe't se by juffer Keyzer de doar yn kamen.’ ‘En fierder?’ ‘Fierders haw ik dy jûns neat sjoen. Doe't Pipo út wie bin ik begûn te lêzen. Ik hie krekt de nije Eva fan myn freondinne krige ... Ja, doe't de polysje kaam wie it fansels allegearre drokte dêr oan 'e oare kant.’ Ik sei dat it my allegearre dúdlik wie, mar hja die noch in hiel ferhaal oer wat hja sjoen en foaral oer wat hja tocht en field hie. It duorre nochal even ear't it my slagge noch in pear fragen te stellen. ‘Mefrou, no haw ik jo niis frege nei dy manljusbesite. Hawwe jo, bygelyks oerdei, wolris wat fernommen fan oar folk, net sasear de klandizy sil ik mar sizze, mar ik bedoel, mooglike famylje, freondinnen of goekunde...?’ ‘As ik no alles ris yn my omgean lit...’ ‘Jo seine dat juffer Keyzer der al likernôch in fearnsjier wenne, it soe dus hiel wol wêze kinne dat hja har nij hûs ris oan 'e famylje of goekunde sjen litte woe.’ Mefrou Jansma skodholle. ‘Nee, hja wie tige op harsels, teminsten dat soe men sa wol sizze. Hja gie oerdeis wol gauris de stêd yn, mar wêr't hja dan hinnegie dêr wit ik neat fan. Ja, wachtsje ris, ik haw se ien kear thús kommen sjoen, doe wie der in oar frommeske by en dy is mei har yn 'e hûs gien. Wa wit, kaam dy dêr wol faker: ik stean net altyd foar 't finster.’ Hja lake gutich. ‘Ik leau dat | |
[pagina 24]
| |
ik ek noch wol sawat wit hoe lang as dat lyn is. Goed fjouwer wike, as 't my net mist.’ Ik sei dat ik tige bliid wie mei alles wat hja my fertelde en frege oft ik noch ien fraach stelle mocht. ‘Wêrom net?’ wie har wjerfrage. ‘Ik hoopje allinne dat ik dan in andert wit.’ ‘Hie juffer Keyzer sels in grutte hûn?’ ‘Ja hear,’ kaam it andert beret. ‘Dy hie se. Mar noch net sa lang. Wannear is it no ek wer bard? Tongersdeis n't wier; no dan sil se dat bist de moandeis of de tiisdeis krigen hawwe. Dêr bin ik wol wis fan, want dy sneins haw ik har in kear of wat rinnen sjoen, sûnder dy hûn.’ Mefrou Jansma ljochte my noch yn oer de buorlju oan wjerskanten fan 32 en doe namen wy hertlik ôfskie. Ik gie net fuortdaalk nei de oare kant, mar ried earst ris in pear blokken om, ik woe nûmer 32 ek wolris fan de efterkant besjen. De huzen yn 'e strjitte dêr't hja fan de efterkant fan 32 en sa op útseagen liken wat grutter as de oare, dat ik parkearre de auto foar it tsiende hûs fan 'e sydstrjitte ôf en kuiere fierder it trottoir lâns. In pear huzen fierderop wie al in trochgong dy't útkaam op in moai breed paad, dêr't oan 'e kant fan de huzen skeansteande garaazjes op útkamen en oan de oare kant wie in mear as manselheech sket. Dit paad kuiere ik del oan de ein ta, wêr't de muorre fan in oar bousel, hok of garaazje, de trochgong ôfsleat. Mar it sket hâlde krekt even earder op, men koe der omhinne komme en dan stie men op in smel swart paadsje mei oan 'e oare kant ek in sket, mei doarren deryn dy't tagong ta de túntsjes joegen. De doar dy't nei myn betinken by 32 hearde die ik iepen, mar ta myn ferrassing kaam ik net yn in leech tún, mar seach in frommes dat alhiel fan 'e wize stie te sjen. Dy ûntdienens, fernaam ik al gau, wie net it gefolch fan myn ferskining, mar fan swierrichheden mei de waskline. Hja hie blykber dwaande west de wask op te hingjen en doe wie it tou by de peal omt ôf knapt. Hja stie mei it losse ein yn 'e hân dy't hja heech boppe de holle útstiek, poer benaud dat it skjinne guod oer 'e grûn dweile soe. | |
[pagina 25]
| |
Ik lichte de hoed. ‘Kin ik altemets helpe, mefrou?’ frege ik. ‘Graach,’ rôp hja. ‘Wolle jo dit even beethâlde?’ Ik rûn hastich op har ta en naam it tou fan har oer. Redsum knipere hja de wask wer los en die it yn in koer. Ik loek it tou stiif oan en seach dat it langernôch wie om op 'e nij tsjinst te dwaan. Mei wat hisen en skuorren slagge it my de line wer om 'e peal te krijen en fêst te setten. Ik oertsjûge my fan de stevichheid en sei doe monter: ‘Kom, dat is wer klear. En no sil ik jo ek noch efkes helpe om de wask wer op te hingjen.’ ‘Graach,’ song hja. Wier, it wie in soarte fan sjongen en it wie alhiel yn oerienstimming mei har ferskining. In blier gesicht, mei djippe blauwe eagen, grutte wite tosken... en in lea, dêr't sels de moaiste Playboyfaam gjin hanwetter oan hie. It wie in geniet nei har te sjen as hja omheech rikte om de knipers op 'e line te setten. Hja gljurke even nei my út 'e eachshoeken en sei: ‘Binne jo wurch?’ ‘Nee, dat net,’ andere ik nei wierheid, want ik hie myn hannen besjoen, ‘mar ik kin better mei myn hannen fan jo skjinne wask ôfbliuwe, liket my ta. Dy spiker wie frijwat rustich en sa'n houten peal lit ek altiten ôf.’ ‘Soarchsum hear,’ sei hja mei in spotske bûging fan de holle en fuort deroer hinne: ’Mar ik bin o sa bliid dat jo my te help kamen. Ik wit net hoe't ik it oars rêde moatten hie.’ Ynienen waarden har eagen grut fan ferheardens: ‘Mar hoe kamen jo hjir yn 'e goedichheid sa krekt op 'e tiid? En op dit plak?’ ‘Tink mar, dat ik de Rykswasklinefersoarger bin,’ sei ik. Doe't hja gjin wjerwurd joech, foege ik der oan ta: ‘In gelokkich tafal. Ik haw my yn de doar fersind.’ ‘Wêr moasten jo dan wêze?’ Hja frege it tige belangstellend, mar ik makke my der ôf, mei in ‘O, fierderop,’ en hja gie der doe fierder net op yn. Faaks ek om't ik der fuort efteroan sei: ‘Kom, dan gean ik mar wer. Bliid dat ik jo fan tsjinst wêze koe.’ ‘Moatte jo earst net efkes hanwaskje? Jo kinne sa dochs net...’ hja wachte even, ‘... fierderop oankomme.’ ‘Och, ik hoech dêr de wask net op te hingjen,’ andere ik luftich. | |
[pagina 26]
| |
‘Dat grif net,’ lake hja, ‘der sille net folle wêze dy't dat noch dwaan moatte op 'e lette sneontemiddei. Jo sille wol nuver opsjoen hawwe dat ik der no noch mei dwaande wie.’ Ik lei út dat ik my dêr noch nea yn ferdjippe hie en dat ik de dingen ornaris naam lykas hja op my takamen. Hja skynde dat tige op priis te stellen en hja frege jitris: ‘Sille jo no wier net efkes hanwaskje, menhear...?’ ‘Van der Laan,’ folle ik oan, dêr't hja op sei dat hja mefrou Stelpstra wie. ‘Watse van der Laan is myn namme,’ ferklearre ik neier. ‘In moaie Fryske namme, Watse,’ ornearre hja, ‘mar dan kin ik jo ek wol fertelle dat myn foarnamme Sibrich is, dat fine jo dan grif net gek. Myn freondinnen neame my allegearre Syp.’ Wy rûnen wylst it hûs yn dêr't ik yn 'e koken myn hannen wosk. Op myn fraach wat har hûsnûmer no winliken wie, die bliken dat hja op 38 wenne, dat ik naam my foar noris trije doarren fierder te sjen. ‘Tige betanke hear,’ sei hja waarm, ‘tige betanke, menhear de Rykswasklinefersoarger, Watse van der Laan’ en hja stiek my de hân ta. Ik grypte har beide hannen, seach har djip yn de moaie eagen en tute har doe op 'e mûle. ‘Dei, Sibrich,’ sei ik, ‘en ast ea wer help hawwe moast by de line, rop my dan.’ Ik sette de hoed wer op dy't ik by it binnenkommen even op it taffeltsje dellein hie, en ik sette ôf. Hja folge my nei de efterdoar. ‘Oant sjen, Watse,’ sei hja sêft. ‘Dei, Sibrich,’ sei ik en rûn troch. Doe't ik de efterútgong trochgie hearde ik hoe't hja de efterdoar tichtloek. Trije doarren fierder yn it smelle steechje, hâlde ik. Ik stapte troch de doar en stie yn in fersutere tún. Ik naam de boel ris yn my op. Lykas by it oare hûs dêr't ik krekt west hie, rûn der in stiennen paadsje nei de efterdoar. Dêr fielde ik ris oan, mar dy siet fêst. In hûnehok wie der net, mar wol fertoande it tún tekens dat der in hûn west hie. Oare spoaren seach ik net. Ik ferwachte dat ek skraach, mei't der in stienpaad wie. Dat rûn ik nochris op en del en doe seach ik wat glinsterjen. It wie in knoop, in deagewoane knoop | |
[pagina 27]
| |
fan in jas. Dêr wurdt men ek net folle wizer fan tocht ik, mar ik treau it ding likegoed yn 'e bûse. Noch ienris naam ik alles goed yn my op en doe besleat ik dat ik it no wol sjoen hie. Ik die de doar nei it paadsje iepen en dêr stie in grouwe kearel. Ha, skeat it troch my hinne, de fisk begjint no al te swimmen. Sa gau hie ik it skraach ferwachte, mar dochs wie ik op myn iepenst. Ik liet my net sa troch dy ûnferwachte ferskining yn beslach nimme dat ik net troch it tsier, dêr't de doar op syn knieren draaide, seach, dat efter de doar noch immen stie. Ik hope no mar dat de man dy't ik s jen koe wat dwaan soe; oars moast ik wol trochrinne it steechje yn en hie dan altiten ien fan beiden efter my. ‘Goemiddei, menhear,’ sei ik, ‘stiene jo hjir krekt wat yn it waar te sjen?’ Hy like der net op fertocht te wêzen dat ik him oansprekke soe, en wie even ferstuivere. Doe begûn er: ‘Wat hiesto dêr yn dat tún om te sneupen? Wa hat dy der frij ta jûn?’ Ik hie him ûnderwilens ris taksearre. It wie in gewearde keardel en grif sa sterk as in dyk. Mar fluch soed er net wêze, dêrta wied er te dûknekkich en siet er ek tefolle yn 't fet. Op syn fragen seach ik him ris op en del oan. ‘Is dat de manear, dêr't jo tafallige foarbygongers op oansprekke? Sa hawwe jo it dochs net op skoalle leard? Of hawwe jo miskien nea op skoalle west?’ ‘Jo hawwe hjir neat te sykjen,’ sei er driigjend. ‘Kom,’ sei ik, ‘ik bin bliid dat jo dat fulgêre tutoyearjen benefter litte, mar ik bin it net wend op fragen fan ûnbekende manspersoanen te anderjen. Soene jo jo earst net ris bekend meitsje? Wa binne jo? Wa hat jo hjir oansteld as... túndoarwachter, sil ik mar sizze...’ ‘Ferdomme!’ rôp de keardel út. Fuort sistere it troch it tsier fan de doar: ‘Bek ticht. Moat eltsenien it hearre? Slaan 'em de harsens yn!’ Dat brocht him wer by syn sûp en stút sa't it like, want benei op itselde stuit skeat in grouwe fûst út nei myn gesicht. Ik wie efkes flugger en knikte foaroer, mar fearre fuortdaalk wer omheech en state mei myn plasse tsjin syn kin oan. Ik hie de eagen stiif tichtknypt, mar hie se | |
[pagina 28]
| |
eardernôch wer iepen om te sjen hoe't er derhinne siigde en as it grouwe pak út 'e Rimen en Teltsjes oer it paadsje lei. Mar nûmer twa wie der noch, ik wist it, dat ik hipte nei foaren en liet my plat efteroer op it grouwe pak falle wylst ik de doar in bêste raam joech mei beide fuotten. Krekt op 'e tiid, want nûmer twa kaam efter de doar fandinne mei in grut knyft op my ta. Troch de klap fan de doar draaide er omtrint in kwartslach en dêrfan makke ik gebrûk. Ik sloech myn fuotten as in skroef om syn skonken en hy foel del op syn lofter earmtakke, mei yn de frije rjochterhân noch hieltiten it mes. Hy koe my krekt net rikke en ik besocht efterút te skowen oer it grouwe pak. Ynienen ferlear ik myn lykwicht en ik klaude mei myn rjochterhân om stipe te finen. Ik rekke de grûn en fielde doe wat dat my wer aardich moed joech. It wie in losse stien, wol net in grutten ien, mar it wie dochs in wapen. Om dat te brûken lykwols wie ik yn in ferkearde posysje. Mei myn lofterhân taaste ik om my hinne en ik krige hâld oan it hier fan de keardel. Mei in bêste hoart wurke ik it bopperein wat omheech en roaide op 'e kop fan de messpesjalist. Leaver hie ik de hân mei it wapen in reis ferkocht, mar dat risiko doarst ik net oan. De stien kaam net op syn noas of op ien fan 'e eagen, lykas de bedoeling wie, mar rjocht op 'e mûle. Ik hearde de tosken knapperjen. Syn hân mei it mes deryn kaam nei de holle en efkes tocht ik dat er himsels de strôte útsnije soe, mar it wie inkeld in ûnwillekeurige beweging om it bloed fan de mûlshoeken te feien. Doe lykwols kaam er oerein, hielendal mâl. Ik wie earder oerein as hy en ik hie fan dy iene tel gebrûk makke om klear te stean efter it grouwe pak. Doe't er dêroer hinne springe woe yn wylde oanfalsdrift line ik efteroer yn 'e hoksen en joech him mei de rjochterfoet in traap yn 'e ljisken. Hy kaam foaroer del op it swarte paadsje, de hân mei it mes skean foarút. Doe't ik de hakke fan de lofterfoet dêrop sette liet er los. Ik trape it efterút fuort, wylst ik myn oanfaller, dy't behindiger wie as syn maat, oan 'e strik rjocht oerein hyste. Wy huften tagelyk op inoar yn. Syn fûst skampte oer myn noas, mar myn loftse kreake him flak ûnder it kin. Dêr kinne de measten net oer; hy ek net, dat hy lei bûten westen. | |
[pagina 29]
| |
Ik behimmele myn bloednoas wat mei de bûsdoek en fielde noch even har bûsen nei. Papieren hiene hja net, inkeld in doaske lúsjefers, shag, sigaretten en sa. Mei de bûsdoek noch ûnder de noas sette ik ôf. It mes, in stiletto, naam ik mei. Noch ien kear seach ik om nei it stillibben dat ik kreëarre hie. Wat oars faaks in ôfgriis yn my oproppen hie, joech my no, wylst ik tocht oan de dea fan Saling, in grimmitige foldwaning. De wein stie noch op itselde plak en der hie ek nimmen oansitten fernaam ik. Djip tefreden ried ik nei ‘De Septer’, dêr't ik moai op 'e tiid kaam foar it iten. Der wie sels noch tiid foar in lyts slokje earst. | |
IVDe cotelette suisse hie treflik west en dat wie in bêst ding. Ik fielde nammentlik in spanning yn my, dy't net gewoan wie en ik haw by ûnderlining dat myn senuwen it bêste ta rêst komme by in goed miel iten. En dat betsjut foar my in cotelette suisse, benammen as men der de goede dingen by drinkt. Dat hie ik dien, mar likegoed bleau de nerveuze spanning, dat ik bestelde behalven noch in calvados ek in grutte sigaar. Ik bin oars in sigarettesmoker, mar as ik ris goed neitinke wol is sa'n grutte sigaar in goed helpmiddel. Sa'n ding freget derom om mei ferdrach opsmookt te wurden en dat sljochtet it paad foar in metoadysk wurkjen fan it brein. Dat wie nedich, dat fielde ik wol, want ik sjoch yn de senuwen altyd in warskôging dat der tocht wurde moat. Sitte te tinken, samar tinke, jout de lju altiten argewaasje. Dat mei inkeld as men in angelstok of sokssawat yn 'e hân hâldt. No komt yn it kafee de angelstok net yn de beneaming, mar de sigaar is dêr better as wat oars ek. As men fredich de reek fan in sigaar neieaget, tinkt nimmen der ferkeards fan, lykas allicht it gefal wêze soe as men dêr samar inkeld it brein wurkje liet en dêr wat siet te sitten as Rodin syn Penseur. | |
[pagina 30]
| |
Earst miende ik dat ik de middeis wol aardich wat út 'e wei set hie, mar wat mear ik my dêrmei dwaande hâlde, wat ûntefredener ik waard. It wie dus Charlotte har hûn al, bemimere ik. It die mysels winliken nij dat ik ferwachte, alteast hope hie, dat my ferteld wurde soe dat it frommes alhiel gjin hûn hie. Lykwols, it feit dat de hoeder dêr noch mar inkelde dagen wie, wiisde wol yn de rjochting fan foarbetochte ried, fan in plan. Mar dan koe ik gjin kant út mei it oandiel fan Charlotte, dy't sels ek oan har ein kommen wie. Want selsmoard foar de goede of kweade saak kin men miskien ferwachtsje by Sineeske klassestriders of Boeddhistyske muontsen, mar net samar by in Ljouwerter hoer. Wol stie foar my fêst dat ik hoe dan ek it frommes fine moast, dat yn elts gefal ien kear by Charlotte yn 'e hûs west hie. It soe in freondinne wêze kinne, en dêr hope ik op, want in freondinne wit ornaris mear as in suster of in âlde muoike. Wa't ik ek graach te wurd woe wie de man mei de koarte grize reinjas, mar dy hie dêr no neat mear te ferstriken en soe him der dus wol net mear fertoane. It sinjalemint wie goedernôch om him wer te kennen as er dêr al kaam, mar like nearne nei om him út 'e Ljouwerter befolking te skiftsjen. Tefolle Ljouwerters binne fan tuskenbeiden jierren, fan tuskenbeiden grutte en hawwe koarte gabardine jassen oan en grize huodden op. Alhoewol, tocht ik doe, safolle huodden sjocht men no ek wer net. Mar dochs tefolle om dêrop te seil te gean. Wie de man mei Charlotte ta de doar útgien of wied er miskien yn it hûs efterbleaun? Wie it de dieder faaks, de man dy't mei de hûn thúsbleaun wie, yn 'e leage sa te sizzen, om, doe't Charlotte en Saling kamen, syn duvelsk plan út te fieren? Fragen, fragen, dy't ik inkeld mar katalogisearje koe, om't ik elts Andert skuldich bliuwe moast. Lang stie ik yn gedachten stil by de beide maten, dy't my net inkeld frege hiene wat ik yn it tún te sykjen hie, mar dy't blykber ek fêst fan doel west hiene my myn gestrún dêre ôf te learen. Oft hja fan miet ôf oan fan doel west hiene my kâld te meitsjen, of dat hja under ynfloed fan de oandwaning fan it momint ta har fiergeande plannen kommen wiene koe ik no min mear útmeitsje. | |
[pagina 31]
| |
Faaks hiene hja my allinne mar bang meitsje wollen, mar yn elts gefal wiene it mantsjes dy't der net fan hâlden dat men har dwerse kneppels smiet, en dy't dan ta alles by steat wiene. Hawar, hja hiene in lyts leske hân, as se mar learsum wiene. It nijsgjirrichst wie fansels dàt hja der wiene. Sa lang hie ik net yn it tún west en ik hie de sketsdoar efter my tichtdien en ik hie de boppefinsters fan de oanswettende huzen yn 'e gaten hâlden en dêr hie ik neat fan nijsgjirrigens fernommen. Dochs koe it hast net oars of út ien fan de huzen wei moast immen my sjoen hawwe, dy keardels sels, of immen oars dy't har in seintsje jûn hie. Ik hie inkeld de huzen njonken Charlotte beachte, mar de mooglikheid bestie faaks dat men fan de efterkant fan de huzen yn 'e oare strjitte yn it tún sjen koe. Ien gedachte, dy't ik blykber hieltyd nei efteren krongen hie, moast ik no dochs koel en saaklik ûnder eagen sjen: Sibrich. Sibrich, in weelderich frommes dêr't ik mei tefredenens oan weromtinke koe; in frommes dat my blykber ek wol lije mocht... Mar ik soe no ynsjen moatte dat hja dûbeld spul spylje koe, dat dy meigeande lippen op mines komeedzje west hawwe koe. It woe my min oan, mar dochs... Ik hie fuort nei't ik dy mannen dêr delfluorre hie noch even by har oangean moatten, ferwiet ik my; diskear hie ik komme kinnen om myn bloednoas fersoargje te litten. Dan hie ik wissichheid hân, no siet ik mei twa fuotten yn ien hoas. Ik koe der al slim jûn wer hinnegean. Alle kâns dat menhear Stelpstra thús wie en dan moast ik fansels jitris útlizze hoe't ik dêr oan de ferkearde doar kommen wie. Boppedat mette ik Sibrich al sa leaf nochris sûnder dat menhear Stelpstra der by wie. Dy namme stie my ek al net oan. Mar ik woe jûn dochs op 30 en 34 sjen, dat ik koe al sachs har hûs foarbyrinne en in eachje op it tafriel falle litte. Even tocht ik der oer om mar mei de auto oant foar de doar te riden, mar in wein mei in nûmerboerd en al is sa'n opfallend fisitekaartsje, dat ik parkearre him dochs mar in strjitte fierderop. Fan de oare ein ôf kaam ik de strjitte delkuierjen. De measte | |
[pagina 32]
| |
huzen hiene de gerdinen net ticht en joegen in byld fan freedsum famyljelibben. Fierwei de measten sieten wat sleau nei de tv te sjen, inkelden wiene oan it kaarten. Ien lies in boek. Op 38 wiene de gerdinen ticht. Al muoide it my dat ik it húshâlden fan Sibrich sa net te sjen krige, it stie my dochs ek wol oan. It binne trochstrings deeglike minsken, dy't de gerdinen jûns tichtlûke. Hja fiere net har bestean op foar oaren, hja spylje dan net langer in rolle, mar binne har sels. As ik allinne mei Sibrich wie soe ik de gerdinen ek ticht hawwe wolle. Der stiene nochal wat auto's hjir en dêr yn 'e strjitte, gâns mear as de middeis. Foar 38 stie ek in auto, in blauwe Triumph 2000, mar yn tsjinstelling ta de oare auto's siet hjir in man oan it stjoer, lykas ik tsjin it ljocht fan in strjitlantearne al fan fierren sjoen hie. ‘Hea,’ sei ik by mysels. Ik hie fan doel west earst de musikus op te sykjen, mar no besleat ik dat it Van Dam mar wurde moast. Doe't ik oanskille, hie ik ek sjoen dat it rút fan it portier deldraaid wie en dat de man, dy't maklik ûnderút sakke wie en de hoed wat foaroer op 'e holle hie, dochs dwaande wie my op te nimmen. Yn 'e gong wie it ljocht opgien en in frommes loek de doar noegjend iepen. Fuort die ik in stap foarút en rôp mei in fleurich lûd: ‘Ha, dy Griet, hoe giet it dermei bern?’ Ear't hja de mûle iependwaan koe hie ik har mei myn rjochterearm tsjin my oanlutsen en ik joech wylst de doar in setsje mei de hakke. Mei de lofterhân die ik doe kalm de doar ticht. ‘Mefrou, nim it my net kwea ôf,’ sei ik, ‘dat ik sa ûngewoan ynkom. Mar it moast.’ De toan fan myn lûd makke blykber yndruk op har, want hja hâlde har kalm. ‘Myn namme is Van der Laan, ik bin detektive - sjoch, hjir binne myn papieren - en myn gongen wurde neigien. Dat sadwaande. Jitris, myn ûntskuldiging.’ ‘Och, wat spannend,’ koerde hja, ‘wat romantysk.’ ‘Ja, andere ik, ‘mar rop jo man ek even, want jim hawwe de gerdinen iepen en dy keardel stiet hjir foar yn 'e wein.’ | |
[pagina 33]
| |
‘Jan!’ rôp hja fuort de wenkeamer yn, ‘moatst noris sjen wa't wy hjir hawwe.’ In útdrukking fan uterste ferheardens ferskynde op it gesicht fan de man, doe't dy de gong ynkaam. ‘Hy is detektive,’ sei mefrou Van Dam, wylst ik my by de namme foarstelde. ‘Ik sil jo alles fertelle,’ sei ik, ‘as jo mar foar bûtendoar dwaan wolle as binne wy âlde freonen.’ ‘Meispylje, Jan,’ hjitte mefrou Van Dam. ‘Ik wol de gerdinen wol tichtlûke,’ sei de man, mar ik sei dat dat perfoarst net moast. Ik krige in sit, sa dat ik mei de rêch nei it finster siet en stelde jitris út om foaral gewoan te dwaan, as wie der goekunde op besite. Doe fertelde ik har dat ik de saak dy't him njonken har doar ôfspile hie net fertroude en dat ik hope dêr mear klearrichheid yn te bringen. Doe besocht ik in wat humoristysk ferslach fan myn wjerfarren oant no ta en it slagge my harren oan it laitsjen te krijen. ‘Moai,’ sei ik, ‘sa binne wy krekt in freonerûnte en sa moat it ek. Ik bin tige bliid dat jo net yn panyk rekke binne, mefrou.’ ‘Sis leaver Antsje, fynst ek net Jan?’ Jan bekrêftige dat mei it sizzen dat hy Jan hiet en doe wie ik fansels Watse foar harren. ‘Wat no dy snaak hjir foar de doar oangiet,’ fertelde ik, ‘dy stiet der grif mei de opdracht om gewaar te wurden wat man him hjirre fan 'e middei yn it tún fertoand hat en dy't blykber wat nijsgjirrich is. Hja binne grif net fan myn identiteit op 'e hichte en dus hawwe se in plakje socht deun by it hûs dêr't de saak him ôfspile hat, yn 'e ferhopinge dat ik wol wer opdaagjen komme soe. No, dy gok wie goed, mar ik woe graach dat de fierdere spekulaasje har net slagget. En ik leau wier dat wy it safier hawwe, dat hja my yndied foar goekunde oansjogge.’ ‘Mar dat binne wy dochs ek,’ woe mefrou, o nee, Antsje, it hawwe. ‘Is 't net sa, Jan?’ ‘Ik bin der o sa bliid om, dat jo it sa opnimme,’ sei ik fleurich, ‘want ik sil no wol wat langer sitten bliuwe moatte as myn doel wie. Al wol ik jimme net graach ta lêst wêze.’ | |
[pagina 34]
| |
O, mar dat wie hielendal net sa, waard my besward; ik krige tee en koekjes en ûndertusken besocht ik har út te freegjen nei wat hja te fertellen hiene. Dat foel slim ôf. Har ferhaal befêstige inkeld wat mefrou Jansma my al ferteld hie. Hja wisten sels noch minder., want Antsje hie Charlotte net fuortgean sjoen op dy fatale tongersdei, noch ek weromkommen. Hja hiene ek neat heard. De huzen hjirre wiene gelokkich net gehoarich, sei Antsje. Gelokkich foar har miskien, mar ik trof it net. Winliken wie ik noch krekt like fier as de middeis, behalven dan dat der no ek noch in skyldwacht foar de doar stie. Op it lêst miende ik dat it dochs sa njonkenlytsen tiid waard om fuort. Wy stiene noch even rjocht op en del yn 'e keamer, lykas dat heart en doe praten wy yn 'e gong noch wat nei, wylst ik de jas oanloek en de hoed opsette. Yn 'e doar rôpen Antsje en Jan noch dat ik gau wer komme moast en net salang weibliuwe as diskear. Ik ûnthjitte it en rôp hertlik dat hja mar gau yn 'e hûs gean moasten, om't it lûkerich wie. Bûtendoar seach ik daalk al dat it ferkeard wie. De Triumph wie in lyts eintsje opriden en deun dêrefter stie in twade wein. Ik sette de stap deryn op de stêd ta, en jawol, dêr begûn de Triumph al stadich te riden. No, dêr moast dan mar in set fan wêze. Rêstich gie ik de mooglikheden nei. Of it Grouwe Pak mei syn maat hiene my herkend en dan hiene se grif net folle goeds mei my foar, of hja besochten efter de identiteit te kommen fan eltsenien dy't belangstelling toande foar it gefal op nûmer 32. Dêr like it op, want wat moast oars dy twade wein derby? Mar hoe dan ek, it wiisde der wol op dat ik net mei in pear inkelingen te krijen hie. It Grouwe Pak en syn kollega soene op dit stuit noch net bysteat wêze tsjinst te dwaan as sjauffeur. As it inkeld om myn identiteit te rêden wie, jûn, soene hja my folgje wolle oan myn hûs ta, om sa der efter te kommen wa't ik wie. Yn it earste gefal faaks ek, mar dan soene hja dochs ek har earder foardwaande kânsen oangripe om my myn pedagogyske proeven yn 'e smelle steech betelle te setten. It gie der foar my dus om myn efterfolgers kwyt te reitsjen en by myn auto te kommen sûnder dat | |
[pagina 35]
| |
hja it merkbieten. Dêr moast ik op út, dat stie foar my fêst. It wierre my net mei: ik hie nammentlik hope by de spoarbomen te kommen, krekt as dy ticht sieten en der in soad minsken foar stiene te wachtsjen. Dan hie ik in ridlike kâns om yn 'e mannichte wei te wurden en mei de lju fan de oare kant werom te kearen. Mar doe't ik de oerwei yn 't each krige gyngen de bomen krekt omheech, dat ik draaide koart en goed de Hollanderdyk op. Wol gie it troch my hinne dat ik mei dizze koertsferoaring te kennen joech, dat ik wist dat de auto op my jage, en sa yn wêzen skuld bekende. Ik rûn lykwols stevich troch oer it trottoir mei it doel om aanst yn 'e Hollanderhof myn slach te slaan. De auto lykwols, dy't efkes wachtsje moatten hie op it trochgeande ferkear joetste mei in bêste gong de Hollanderdyk op. Doe't er deun by my wie like de sjauffeur de macht oer it stjoer te ferliezen, want de auto kaam de stoepe op en rjocht op my ta. Mei in linige sprong oer in izeren stekje kaam ik yn in blommetúntsje telâne en sa wie ik foar it momint rêden. Ik waard wol sa hellich dat ik hie op itselde stuit it knyft, dat ik yn it steechje oppakt hie, yn 'e hân. Ien druk en it lims fleach nei foaren en gysten liet ik de stiletto delkomme yn de lofterfoarbân fan dy rotauto. Ik liet fuort los en fergriemde gjin tiid oan it weromlûken fan it stiel, mar sprong wer oer it stekje en rûn sa hurd as ik koe. Ik hearde dat it portier iepengie en dat ien my efternei kaam, wylst tagelyk de auto wer oansette en de dyk wer opsocht. Doe't ik de hoeke omfleach hearde ik dat de auto stoppe: lekke bân wist ik. Even hie ik yn 'e holle en spring oer it haachje oan myn lofterkant en hâld my dêr beskûl, mar it like my dochs better fan net. Dêrom fleach ik noch even troch oant wer oan myn lofterkant in trochgong wie; dêr strûpte ik yn. Ik rûn in lyts eintsje, oant ik alwer lofts fan my in soarte fan iepening yn de hage seach. Mei in snoeksprong boarre ik my dêrtroch. Tûkjes en twigen swypken my by de holle lâns, mar troch de fûle feart tink ‘k, wie ik yn ien kear oan 'e oare kant. Ik kearde my om en liet my plat yn 'e greppel falle, ik hearde fuotstappen dy't de hoeke om stowen kamen. Hja giene my foarby yn in rêde draaf. | |
[pagina 36]
| |
Ik wie yn in grientetún en ik socht myn wei op hannen en fuotten. Ik eange elk momint dat de fuotstappen ophâlde soene, om't it paad dearûn, of sokssawat, mar dat barde net. Ik hearde se om in hoeke weiwurden. Underwyls besocht ik it tún yn my op te nimmen. Fansels, ik koe itselde paad lâns weromgean, mar ik wist net wat my dêr te wachtsjen stie. Oan 'e oare kant fan it tún seach ik ek huzen en ik ornearre dat dêr dan faaks ek wol in trochgong wêze soe. It tún wie oan dy kant lykwols ôffrede mei planken. Net botte heech, dat net, mar ik fielde der hielendal neat foar om myn oanwêzichheid hjirre sichtber te meitsjen tsjin de loft. Mei wat sykjen en taasten fûn ik in pear fermôge ûndereinen dy't har maklikernôch weislope lieten. Doe stie ik yn in oar tún dêr't ik dwers trochhinne gie. De hage oan 'e oare kant folgjend kaam ik ridlik gau by in stekje dat my op nij op in paadsje brocht, dat ombûgde nei de strjitte. Ik seach om my hinne, mar der wie neat te sjen. Dochs soarge ik dat ik oan 'e oare kant kaam en sloech sa gau mooglik ôf. Sûnder fierdere aventoeren fûn ik myn wein wer, dy't noch moai op itselde plak stie. Ik ried nei hûs wêr't ik my sels ear st ien yntape en doe de tillefoan fan 'e heak pakte. Earst skille ik Jorrema, dy't ik frege oft it de oare moarns gelegen kaam. ‘Harkris Watse,’ sei er grommeljend, ‘do wolst my dochs net wysmeitsje datst no dochs noch efter dy saak oanwolste?’ ‘Wis al,’ andere ik, ‘en der begjint him al wat te roeren ek. Mar dat fertel ik moarn wol. Wannear past it, ik haw it de hiele dei oan tiid.’ ‘Kom dan kofjetiid,’ noege er gâns freonliker. Ik naam dat graach oan en makke doe in ôfspraak mei Geldau om de middeis by har te kommen. Even stie ik yn bestân doe't ik de doar wer útsoe. Ik helle dochs de revolver mar út it buro en stiek dy by my. It is mar in behindich dinkje en it is net registrearre, mar ik hâld net fan revolvers en oar sjitark. Winliken fyn ik it wat berneftich en fiel ik my in soarte fan paadfyndershopman, as ik mei dat ding omsjou. Mar twa keardels fan wa't de iene in pear bêste knûsten hat en de oare in flymskerp mes, yn kombinaasje mei auto's dy't besochten | |
[pagina 37]
| |
my oan grom te riden, dat wie justjes tefolle om net nei preventive middels foar myn sûnens om te sjen. De auto ried ik yn 'e garaazje en ik rûn de stêd yn. | |
VKroegen, dêr't froulju fan 'e flakte jûns tahâlde, binne yn 'e goede stêd Ljouwert foar it grutste part wat sûmbere en snústerige gelegenheden. De saak dêr't ik delstrutsen wie, wie net iens sa beroerd. Der kaam net te lûde muzyk út in kastke, de ferljochting bestie út in hiele protte skimerlampkes mei blijreade beblomme kapkes dy't de lange, smelle seal suver in freonlik oansjen joegen. Der wie ek noch in leech taffeltsje. De plafonniêre yn 'e taap liet syn ljocht falle op in ûnbidich bosk sulverich-wyt hier fan in grou frommes dat dêr de septer swaaide, seach ik. In behindich mantsje yn in snústerich wyt jaske frege my wat it wêze soe. Automatysk, want ik hie him net kommen sjoen, sei ik: ‘Calvados.’ ‘Watsei?’ ‘Jou mar bier,’ andere ik. ‘Nee, mar wat sei menhear?’ ‘Ik sei calvados, mar meitsje der mar bier fan.’ Lûdroftich frege de man oan it frommes yn 'e taap: ‘Hawwe wy calvados?’ It frommes skodde nee, en begûn doe op te neamen: ‘Brandewyn, Beerenboarger, whisky, konjak, o ja, campari is der ek wol...’ Mar ik rôp: ‘Bier graach.’ It mantsje stie no wer by de taap, hja sei wat tsjin him en hy frege: ‘Tuborg?’ Ik knikte, toe mar. Hy brocht my myn fertarring en op itselde stuit kaam in grut, ljocht frouspersoan oan myn taffeltsje te sitten. ‘Ik mei hjir wol even sitte tink?’ ‘Wolkom, hear. Wat mei ik foar dy bestelle?’ Hja hie leafst konjak en der waard wat brocht dat wol | |
[pagina 38]
| |
likernôch de kleur hie. It frommes hie lange, moaie skonken en ek fierder seach hja der net ûnhimmel út. It gesicht wie wat te bot om wier knap te wêzen en it ljochte hier krekt te bretaal foar moai. Nei't wy it glês optild hiene en ‘sjoch’ sein hiene, skode hja tichter nei my ta, grypte myn hân en lei dy op har bil. Hja frege my wat ik fan har tocht. Alles oan har wie echt, sei se grutsk en helle myn earm om har hals, dat myn hân op har boarst kaam te rêsten. Ik skeukte freonlik wat tsjin har oan en wy hiene wat ôfwaaid praat tsjin inoar. Lena, want sa hiet hja, fergeat net har gleske leech te meitsjen en ik liet daalk wer ynskinke. Doe't hja my gruttere freugden yn it foarútsicht stelde as ik op har útstellen yngean woe, skodholle ik. ‘Nee,’ sei ik, ‘dat is neat foar my.’ Hja seach my komysk ferheard oan. ‘Wat no, hat it jonkje gjin bûsjild by him! Of,’ en it stimke klonk hiel fertrietlik, ‘bin ik net goed genôch? Tinkst datst it better krije kinst?’ ‘Nee, better fyn ik grif net,’ flaaide ik, ‘en ik haw ek wol in pear bûssinten by my. Mar ik stean it net...’ ‘Do bist bang?’ lake hja. ‘No, der mankeart my neat hear. En wy sille him ek in kreas jaske oanlûke.’ Ik lake ek, mar begûn, ynienen wer earnstich: ‘Nee, dat bedoel ik net, Lena. Mar ik bin bang, asto it sa neame wolst. Dat gefal yn Huzum, ferline wike, do witst wol; no ik fiel der neat foar om sa oan 'e ein te kommen.’ Hja huvere even, mar sei doe ferûngelike: ‘Ik haw gjin hûn, hear. Ik kin dersûnder wol op mysels passe.’ ‘Dat leau ik daalk,’ joech ik ta, ‘mar der kin evengoed sa mar wat barre. Lykwols, dat is it net allinne, ik haw der gewoan gjin sin oan hjoed.’ Ik wonk nei de taap om ús jitris ynskinke te litten en frege: ‘Sis, hasto dy kend? Dy út Huzum, bedoel ik. Dy Charlotte Keyzer?’ ‘Ikke?’ frege hja ferheard. ‘Nee, wêrom soe ik dy kenne moatte?’ ‘Och,’ sei ik, ‘jimme wiene op 't lêst... kollega's sil ik mar sizze. Ik tocht dat jim inoar allegearre wol koene.’ | |
[pagina 39]
| |
Hja wie slop fan laitsjen. Hoe't ik derby kaam, yn in stêd as Ljouwert! ‘No ja,’ sei ik, ‘ik wit wol dat jim manmachtiger binne as de tsien fan Martens Afke, mar der stie my foar dat B. en W. fan Ljouwert noch al wat war dien hawwe jimme tal te beheinen en fan de haadstêd in oarde fan reinheid te meitsjen.’ ‘No ja,’ sei ik, ‘ik wit wol dat jim manmachtiger binne as de tsien fan Martens Afke, mar der stie my foar dat B. en W. fan Ljouwert noch al wat war dien hawwe jimme tal te beheinen en fan de haadstêd in oarde fan reinheid te meitsjen.’ Ut har andert die bliken dat hja net sa botte wiis wie mei de B. en de W. Hja ferklearre teminsten dat it foar har en foar har kollega's in hiele rêst wie, te witten dat noch de B. noch de W. ta de klandizy hearden. ‘Mar asto dy B. of dy W. ris trefst sis dan mar dat wy noch machtich binne as miggen.’ ‘Mar guon miggen kenne inoar dochs wol,’ hâlde ik oan, ‘teminsten dat soe men wol sizze, as men se sjocht...’ Hja seach my ris oan út 'e hoeken fan 'e eagen wei en sei doe dat hja de namme Charlotte Keyzer wolris heard hie fan oaren. Dus wiene der oaren dy't Charlotte Keyzer wol kend hiene, stelde ik fêst, en wie der by dy oaren no gjin goekunde fan Lena? Hja knypte de eagen heal ticht en seach my fol erchtinken oan: ‘En dat soesto graach witte wolle?’ Ik wifke. ‘Wêrom?’ frege hja fel. Hja wynde har los en gie rjochtoerein sitten. ‘Asto mar net tinkst dat ik my deryn lúzje lit!’ Ik lei de earm wer om har lea en helle har stiif tsjin my oan. Mei myn gesicht flak by harres lústere ik har yn it ear: ‘Harkris, Lena. Dy man dy't dêr yn Huzum dearekke is, dy man, dat wie in freon fan my. Ien fan myn bêste freonen. Kinst der yn komme dat ik witte wol by wa as er wie? Kinst dy yntinke dat ik witte wol wa't Charlotte Keyzer wie? Kinst dy foarstelle dat ik graach mei immen prate wol dy't har goed kend hat? Dat is dochs net sa frjemd, wol?’ Hja wie in hertlike faam en om't hja sentimentaliteit neifiele koe sei hja dat hja it har skoan begripe koe. Mear, hja ûnthjitte sels dat se har bêst dwaan soe dy kunde fan Charlotte op te spoaren. ‘Kom takom sneon mar wer,’ sei hja, ‘dan sil ik fan 'e wike wolris neifraach dwaan.’ Ik helle in gieltsje út 'e bûse en treau har dat yn 'e hân. | |
[pagina 40]
| |
‘Doch dyn bêst,’ sei ik, ‘en mei ik dyn adres dan? Dan kom ik earstdeis ris by dy thús oanrinnen, as it mei.’ Hja fertelde wêr't hja wenne en wannear't ik har almeast thús treffe koe. Ik liet de glêzen jitris folskinke en wy smookten noch in sigaret tegearre. Ik sloech no wat mear acht op de lju dy't hjir omhongen, smookten, frijden en in slokje dronken. Efter út it smelle sealtsje wei kaam in man by ús lâns, dy't healwei de seal ôfrekkene mei de ober en doe op it jasserak tasette. Hy loek syn jas oan: in koarte, gabardine reinjas. In koarte... gabardine... gie it troch my hinne. In koarte jas dêr't ien knoop, de middelste, ôf miste. Ik stie al oerein en wylst ik op him tastapte sette er syn hoed op, wat ljochter griis as de jas. Hy waard wei troch de útdoar. Ik woe him efternei, mar ik waard opkeard fan it wite jaske. ‘Soe menhear earst efkes ôfrekkenje wolle?’ frege er fatsoenlik. ‘Ik kom daalk wer,’ sei ik. Ik hie al in taast yn 'e bûse dien, mar dat wie omdôch fansels, want it briefke dat ik der los yn hân hie wie ommers krekt yn oare hannen oergien. Ik wiisde nei de doar en sei: ‘Ik woe dy man dy't der krekt útgie even wat freegje. Hy moat my winliken net ûntkomme.’ De ober rekke der net fan ûnder de yndruk. ‘Dat leau ik wol,’ sei er noch like freonlik as earst, ‘mar ik woe dochs wol dat jo earst even ôfrekkenen.’ Ik taaste nei de beurs, frege hoefolle it wie en treau him, mei in ‘lit mar sitte’ wat papier yn 'e hân en stau ta de doar út. Bûten wie neat mear te sjen. Der wie net in minske, it like wol as hie de strjitte de man ferswolge. Ik rûn earst nei de hoeke dy't it tichtstby wie, doe nei de oare, mar der wie neat te sjen. Wat mismoedich kearde ik yn it kafee werom. Lena hie ûndertusken oar selskip. Hja siet njonken in grouwe boerige fint dy't hja ûnder it kin kidele. Ik bleau noch even by de taap omhingjen en frege noch in glês bier. ‘Ik hie dy man even wat freegje wollen,’ sei ik. ‘Tafallich dat ik him hjir no seach. Om jo de earlike wierheid te sizzen, ik wit net iens hoe't er hjit en wêr't er wennet, mar neffens de beskriuwing moat hy it west hawwe. Kenne jim him miskien?’ | |
[pagina 41]
| |
It frommes en de wytjas hiene my wolmienend oan heard en seagen inoar no freegjend oan. ‘Dy?’ sei de wytjas. ‘Nee!’ It sulveren hier tocht dat hja him al ris in kear earder yn 'e saak sjoen hie, mar de wytjas betwivele dat mei de wurden: ‘Dan soe ik it noch wol witte.’ Ik fûn dat ik it Lena ek noch wol even freegje koe. De grouwe keardel besocht krekt syn fingers as woarsten by har jurk yn te triuwen. Ik tikke him op it skouder. ‘Ik hoopje net dat ik jo steur, mar ik woe graach even ôfskie nimme fan dizze dame. Kin dat even?’ Neffens him koe dat net, sa't skynde. Hy frege alteast oft ik opdonderje woe en fûn dat ik tefolle yn akte hie. ‘Dit is myn faam,’ sei er lomp, ‘ik haw derfoar betelle.’ ‘En it is myn suster,’ andere ik, ‘en ik warskôgje jo want oars is se jo widdo, ear't jo oerein binne... No ja... widdo... Mar wol sokssawat. Jo begripe my wol, tink?’ Lena wie ûnderwylst oerein kommen en betsjutte de keardel sitten te bliuwen. ‘Sorry,’ sei ik, ‘it muoit my dat ik sa hastich fuortrûn bin, mar ik woe dy fint even te wurd dy't der krekt foar my útgie.’ Lena andere luftich dat se dat wol begrepen hie en dat it wier net lette. ‘Dêr bin ik bliid om, mar wat ik mear sizze woe: koesto dy man...?’ ‘Nee, hy kaam my net bekend foar. Wa wie dat dan?’ ‘Kunde,’ sei ik achteleas en wy fûstken ôf. Nei noch in gleske bier sette ik ôf en pandere op hûs oan. Underweis helle ik noch in pear kroketten út 'e automaat foar mei nei hûs, mar dat hie ik ek wol litte kinnen. Doe't ik thús kaam wie it dêr noch krekt like leech en ûnwennich as de middeis. Ik fielde ynienen hoe wurch as ik wie, ik woe neat mear, ik hie nearne mear sin oan. Ik lei de kroketten op 'e skoarstienmantel en liet my op it bêd delfalle. |
|